image meindert rozenga

‘Fryslâns fee is hearefee, Fryslâns grûn is hearegrûn’

Meindert Rozenga en de Fryske literatuer

Abe de Vries - Fers2 nû. 4.1, 14 jannewaris 2018

It is even nei healwei njoggenen, de kâlde moandeitejûn fan 18 novimber 1901, en hy hat tefolle dronken. Hy stapt, sa’n sân moanne nei de iepening fan it lokaalspoar Ljouwert-Ferwert, by halte-Koarnjum út, om’t syn hoed him fan de holle waait. Mar hy moat nei halte-Hallum en de trein riidt sûnder him fierder. Hy rint it doarp yn, nei in bakker ta, krijt dêr in pet, rekket it paad bjuster, rint yn in sleat, klimt der wer út, jout him efkes fierderop yn it lân del. En stjert fan ’e kjeld.

Sa is it oerlevere ferhaal – mar it kloppet net – oer de dea fan Meindert Siegers Rozenga (1854-1901). Dat is de bakkerssoan út Hallum, ûndermaster te Marrum: de skriuwer-sjonger-toanielspiler dy’t fan 1895 oant 1899 sa’n grut súkses hat mei Simke Molenaar as Frysk foardragersduo yn it Twadde Winterjounenocht. De literatuerskiednis wol lykwols net fan him witte, ek al ûnderhâldt it Frysk Selskip altyd noch de earestien dy’t yn 1921, tweintich jier te let, op syn grêf pleatst waard troch in groep freonen en doarps­genoaten. Yn it lêste hânboek komt er yn twa sinnen foar:

Bekend werden Meint Rozenga en Simke Molenaar aan het eind van de eeuw met hun typetjes ‘Oept en Kekke’. Toen Rozenga aan de drank raakte brak Molenaar met hem en vormde hij een duo met Lambertus Krips.Bouke Oldenhof, ‘Van steen des aanstoots tot boegbeeld. Toneel, kleinkunst, film vanaf 1860’, yn: Teake Oppewal e.o., Zo lang de wind van de wolken waait. Geschiedenis van de Friese literatuur (Bert Bakker, Amsterdam 2006), s. 270.

In smelle, modernistyske, nasjonalistyske literatueropfetting en kontekstleaze literatuerskiednis hawwe der foar soarge dat Rozenga en syn wurk wilens trivialisearre binne ta in tragyske fuotnoat yn de taalbeweging. Mar literatuer is ek in sosjaal proses, dat him ferhâldt ta politike posysjes, maatskiplike ynteraksje en striid. Rozenga skriuwt, sjoen de populariteit fan syn foardrachten mei grut súkses, oer gewoane minsken, faak de mindere man en frou, en pleatst har yn it spanningsfjild fan maatskiplike krêften en machtsferhâldingen. Lykas yn it Fryske realisme – yn de skrifte­kennisse meastal denigrearjend ‘folksskriuwerij’ neamd - giet it om maatskippijkrityske ‘artistic communication in small groups’,Dan Ben-Amos, ‘Toward a definition of folklore in context’, Journal of American Folklore 84-331 (1971), s. 3-15. net inkeld rjochte op fermeits mar ek op bewustwurding en aktivearring fan sawol sosjaal as talich ûnderlizzende maatskiplike groepen.Basearre op it tinken fan Gramsci oer folkskeunst. Bruce Grelle, Antonio Gramsci and the question of religion. Ideology, ethics, and hegemony (Routledge, Londen/New York 2017) s. 35: ‘Gramsci most often used the term “folklore” to embrace the popular culture of subordinate groups in society and their interpretations of everyday experience at their own intellectual, moral, and religious level’. In nijsgjirrige behanneling fan Gramsci’s ideeën oer folkloare yn: Stephen Olbrys Gencarella, ‘Constituting folklore. A case for Critical Folklore Studies’, Journal of American Folklore 122-484. Spring 2009, s. 172-196.

Hoe kin, mei dat útgongspunt foar eagen, Rozenga syn betsjutting foar de Fryske literatuer ûndersocht wurde?

Dan sil men alderearst sjen moatte nei it fenomeen fan (de earste perioade fan) it Twadde Winterjounenocht, dêr’t er mei de grûnlizzer fan is. Wêr komt it wei, wêr is it in antwurd op? Hoe besiket syn súkseswurk sawol kommersjeel as kritysk te wêzen? Twads is der de fraach hoe’t syn linkse, kristen-sosjalistyske aktivisme yn it begjin fan de njoggentiger jierren him ferhâldt ta de lettere foardragerij. Is der in brek, of krekt fuortsetting fan al eardere eigenskippen en tendinzen? En in tredde oandachtspunt kin dan it biografyske ferhaal fan syn delgong nei 1899 betreffe. Moat syn dea by, of yn, in sleat by Koarnjum beskôge wurde as it eksimplaryske ein fan in romantysk keunstnerskip, dat it libben net oankin, en dat út skuldgefoel of selsferwyt wei syn taflecht nimt ta de fles – de gongbere fisy sa’t wy dy oantreffe by J.P. Wiersma,J.P. Wiersma, ‘Ien en oar oer Meint Rozenga’, It Heitelân 8 (1926), s. 621-624. WoudmanWoudman [ps. fan Wigger Arnoldus van der Meulen], ‘Fryske Winterjoune-nocht, Rozenga en Molenaar IV. 1895-1899’, Nieuwsblad van Friesland (29 april 1932); ‘Fryske Winterjoune-nocht, Rozenga en Molenaar III. Een kind van de mei’, Nieuwsblad van Friesland (22 april 1932); ‘Fryske Winterjoune-nocht. Rozenga en Molenaar II. In memoriam’, Nieuwsblad van Friesland (15 april 1932). Sjoch ek de oanfolling fan J. Nieuwenhuis, ‘Fryske Winterjounenocht Rozenga en Molenaar’, Nieuwsblad van Friesland (22 en 27 april 1932). en Jaap KalmaJ.J. Kalma, ‘Meindert Rozenga. In reade skoalmaster rekket oan de drank’, It Beaken 37 (1975) s. 386-398.? Of hat ek meispile dat de maatskiplike druk foar syn gefoel sadanich tanaam, dat er gjin perspektyf mear sjen koe foar in fierdere bydrage oan syn idealen? Oan ’e hân fan sokke fragen lit de betsjutting fan Rozenga syn wurk him hjir formulearje.

It Twadde Winterjounenocht

Fansels, Rozenga syn (sjong)foardrachten moat men hearre en útbylde sjen; as lêsteksten falle se ûnder it parlando en it ‘sankje’ fan it toanielboekje. Mar sjocht men ek har besibbens mei it ferhaal en it gedicht, dan wurdt in ferbining mei de literêre tradysje fan it sekundêr-orale Fryske realisme dúdlik, dêr’t it sawol in radikali­searring as in modernisearring fan is. Nei taspraak, twaspraak en rollespul, dêr’t it earste Winterjounenocht fan Waling Dykstra, Tsjibbe Gearts van der Meulen en neifolgers mei wurken, komme der no toaniel, liet en muzyk by, dêr’t de nasjonale en ynternasjonale moade oan ’e ein fan ’e njoggentjinde ieu ek om freget. Foardracht wurdt conference en útbylding. Foarstellingen wurde mear tasnijd op humoristyske en kabareteske ynteraksje mei it publyk. Mar dat bart net à la improviste: elk útsprutsen wurd lei fêst yn in tekst, dy’t lykas yn oare sekundêr-orale literatuer op basis fan estetyske prinsipes oardere wie (en faak ek as lêstekst publisearre waard).

Wat it Twadde Winterjounenocht fan Rozenga en Molenaar (1895-1899) ek typearret as fuortsetting fan it literêre Fryske realisme, is syn mienskiplike, direkte belutsenens op de maatskiplike ûntjouwingen. It is der in produkt fan, en it reagearret derop. Kin it earste Winterjounenocht noch ta mei in breed, meast lytsboargerlik en meast liberaal publyk fan Frysksinnigen, mei de maatskiplike polarisaasje troch krisis, Doleânsje, en yn de tachtiger en njoggentiger jierren de opkomst fan sosjalisme en nasjonalisme feroaret dat. De minsken komme der net mear mei út. Der ûntstean sosjale tsjinstellingen dêr’t it Fryske realisme mei syn taalstriderskarakter in antwurd op sykje moat.

It antwurd fan it Frysk Selskip leit yn dy tiid op it safolle mooglik ûnder ien Fryske paraplu hâlde wolle fan de ûnderskate politike en religieuze rjochtingen. Literêr fertaalt him dat, tefolle en te faak, yn it út ’e wei gean fan maatskiplike en aktuele kwestjes, en – ek as reaksje op (en ek fan) de massale emigraasje yn de krisis­jierren – in algemiene opgong fan Fryske nostalgy. Sa komt it wurd ‘sosjalistysk’ (of ‘socialistysk’) yn de 44 jiergongen fan it hûsblêd Forjit my net! (1871-1915) net foar, en wurdt Abraham Kuyper ien kear anty-semitisme oanwreaun.

Betocht troch de Grouster ûnderwizer Cees Wielsma, de Marrumer ûnderwizer Meindert Rozenga en de Ljouwerter útjouwer en ympressario Rinze van der Velde, hat it Twadde Winterjounenocht mei sokke kwestjes te krijen en wol it dêr in antwurd op fine. De grûnlizzers komme út ferskillende wynstreken; Wielsma is in Troelstra-man, Rozenga in frije sosjalist en Van der Velde in sosjaal fielend liberaal. Mei syn trijen wurkje se in eigen­tiids kommersjeel konsept út dat foar mear partijen oantreklik wêze moat en dat mei moed en oerlis yn ’e merk set wurdt om Rozenga hinne, dy’t mei de folle jongere seilmakker Simke Molenaar út Grou fan desimber 1895 ôf in duo foarmet.

It Twadde Winterjounenocht kiest wol foar de lytse doarpsminske, mar wol tagelyk de liberale stedsboarger net fan him ferfrjemdzje. It is rasjoneel, frijsinnich en frijtinkend mar wol tagelyk de ortodoksy net foar de holle stjitte. Rozenga en tekst­skriuwer Wielsma, dy’t beide Waling Dykstra-en-dy noch meimakke hawwe yn har gloarjetiid, fine in útwei mei toaniel, muzyk, in protte humor en net op it lêste plak it Frysk as ferienigjende faktoaren. Harren konsept slacht sadanich oan en wurdt yn koarte tiid sa populêr, dat Waling Dykstra en útjouwer W.A. Eisma it op har bar wierskynlik better oandoare en set út ein mei it wykblêd Sljucht en Rjucht. It faker konstatearre dúdlike oplibjen fan belangstelling foar Fryske literatuer en Fryske taal nei 1897 is net los te sjen fan de populariteit fan, foaral, Meindert Rozenga.

It is ek Rozenga dy’t mei syn sosjalistyske ferline it measte te lijen hat ûnder de spanningen dy’t yn it nije Winterjounenocht bebakt sitte. Is it wol mooglik om net inkeld de lytse man mar ek de middenklasse te berikken? Moatte dêrta net tefolle konsesjes dien wurde oan it krityske karakter fan it materiaal?

Al by in twadde try-out fan Wielsma syn idee om de doedestiids populêre Nederlânsktalige foardragerij mei toaniel en muzyk ek ris yn it Frysk te besykjen, op ’e merke yn Grou yn 1895, doe noch sûnder Rozenga, tocht it publyk dat guon foardrachten wat al ‘te scherp’ wiene.J. Nieuwenhuis, ‘Fryske Winterjounenocht Rozenga en Molenaar’, Nieuwsblad van Friesland (22 en 27 april 1932). Doe’t letter dat jier dúdlik waard dat Rozenga en Molenaar it duo foarmen dat de boer op soe, kaam der ek in earste boekje,C. Wielsma, M. Rozenga, D.H. Zijlstra, S. v.d. Burg en Jm. Nieuwenhuis, Fryske foardrachten en sankjes (Van der Velde, Ljouwert 1895). dat troch Selskipsman Onno Harmens Sytstra sinjalearre waard yn de Leeuwarder Courant.O.H. Sytstra, ‘Oan de ljeafhabbers fen it Frysk!’, Leeuwarder Courant (29 novimber 1895). ‘Moast ik er hwet fen sizze’, skriuwt er, ‘den scoe ’t wêze, det bygelyks in inkel stikje fen Rozenga, wol hwet “op ’e kant ôf” is, mar op in brilloft kin ’t faek wol hwet lije’.

Mei oare wurden, der moast – wierskynlik ek nei it oardiel fan Van der Velde en miskien ek fan Wielsma – ‘skifte’ wurde yn it oanbod. De stikken fan Rozenga dêr’t de hegerein it al te mâl foar de kiezzen krige, waarden foar de boargerij te skerp achte en net of minder faak útfierd.Woudman, ‘Fryske Winterjoune-nocht, Rozenga en Molenaar IV. 1895-1899’, Nieuwsblad van Friesland (29 april 1932): ‘(..) in de opkomende sociale strooming dier dagen, hield men dit zooveel mogelijk vrij van politieke smetten. Onder eigen werk werd daartoe een schifting gehouden.’ Ek stikken ‘dy’t earst dôch noch wol ris yn ’t dûbelsinnige roannen’ koene net troch de mesken.J.J. Hof, ‘Meindert Rozenga’, Leeuwarder Advertentieblad (kopy s. datum, 1921, Kolleksje knipselmappen FLMD, Tresoar). Mar de haadsaak wie dat it net te ‘read’ wurde moast. Doe’t er op snein 14 maart 1897 yn Amicitia yn Ljouwert de monolooch-mei-sang ‘Jakkele Skearder’ op ’e planken brocht, mei hjir en dêr in snútslach foar it bank- en sakewêzen, krige er nei ôfrin te hearren – fan Van der Velde? – dat er dat stik tenei better weilitte koe.J.P. Wiersma, ‘Ien en oar oer Meint Rozenga’, It Heitelân 8 (1926).

Mar, sa’t Sytse Jan van der Molen opmurken hat, ‘it nijsgjirrige is, dat er yn de jierren dat er mei Molenaar reizge, út en troch dôch dingen sei of song, dy’t dúdlik makken út hokker hoeke de wyn by him waaide’.S.J. van der Molen, ‘”En ús Harke mei syn kleare klop’. (65 jier Fryske Winterjûnenocht) (Lykele Jansma, Stynsgea/Stifting FFYRUG, Grins 1984), s. 93. De stikken dy’t Rozenga yn it Winterjounenoch ynbrocht, binne publisearre yn Fryske foardrachten en sankjes (1895)C. Wielsma, M. Rozenga, D.H. Zijlstra, S. v.d. Burg en Jm. Nieuwenhuis, Fryske foardrachten en sankjes (Van der Velde, Ljouwert 1895)., Fryske Winterjounenocht. Foardrachten en sangen (1897)C. Wielsma, M. Rozenga en S. Molenaar, Fryske Winterjounenocht. Foardrachten en sangen (Van der Velde, Ljouwert 1897). en Fryske foardrachten (1899).M. Rozenga, Fryske foardrachten (Van der Velde, Ljouwert 1901). Ut dizze boekjes neamt Van der Molen neist ‘Jakkele Skearder’ ek ‘Simen Winkelman’ en ‘It skeelt in bult hwa’t it docht’ as foarbylden. Bankiers dy’t jin rippe, twongen winkelnearing en it ûngelikens rjocht foar ryk en earm binne dêr de mikpunten. Ek kin men wize op de anty-militaristyske passaazje yn ‘As ’t net wol, den wol ’t net!’:

Do ’t ik lotte, lotte ’k oan. –

    Earm, dos – sûnder praetsjes

’t Blaue pak oan, en do wier ’k

    Under de soldaetsjes.

’k Fielde my sa thús er by

    As in barch yn ’e slachterij!M. Rozenga, Fryske foardrachten (Van der Velde, Ljouwert 1901), s 41.

In tal mooglik kontroversiëlere foardrachten liet Rozenga printsje nei’t Molenaar mei him brutsen hie.M. Rozenga, Nije Fryske foardrachten (Van der Velde, Ljouwert 1901) en M. Rozenga, Nieuwe voordrachten (Van der Velde, Ljouwert 1901). Ik tink dêrby foaral oan ‘It betsjoende bern’, dat yn de omkriten fan Hallum opfette west hawwe sil as in provosearjende ferwizing nei de bekende tsjoendersskiednis mei Watse Stienstra fan Hijum.Sjoch Abe de Vries, ‘De histoarje fan de duvel en Watse Klop. Waling Dykstra, in folksferhaal en de skoalstriid yn Noard-Fryslân, Fers2 3-5 (12 maart 2017). <http://www.fers2.eu/de-histoarje-fan-de-duvel-en-watse-klop/>. Krigen 5 jannewaris 2018. De boppe­master fan de kristlike skoalle yn Hallum hie dêr net sa’n moaie rol yn spile. It stik kin meiwurke hawwe oan de minne namme dy’t Rozenga ûnder ortodoksen yn Marrum hie. ‘Nou wiene der lju yn syn hoeke’, fertelde Molenaar letter, ‘dy’t op him loerden. Dy achten dat gefoardraach fan master einliks mar “duvelswurk”. As syn skoalle derûnder lijde, woene se him wippe’.T., ‘Simke Molenaar, âld-foardrager út Grou’, Leeuwarder Courant (10 jannewaris 1953).

Ek kin wiisd wurde op it, achterôf, suver fisionêre liet ‘De Anti-semyt’ en de foardracht ‘De neismaek’, mei dizze passaazje, part sang, part parlando oer banken fan liening:

In nij kantoar riist út ’e groun,

    Bring dêr nou jimme cinten,

It is sa wis wol as de bank

    En jowt stom hege rinten.

De sparpot moat er oan,

    Hwent dit treft mâlle skoan: -

Sa’n gelegenheid komt miskien noait wer foar, de ûndernimming is solide, en dy ’t nou hwet sparcintsjes het, kin se nearne better plak jaen. It jild stroomt binnen en – nei in wike mannich binne de hearen ûndernimmers útpykt mei de bút, it kantoar is failliet, en for de lytse ljue is de neismaek, o krimmenikes.

Mar dan binne wy it Winterjounenocht al twa jier foarby. Dat sil fuortset wurde sûnder al te folle sosjalistyske stikelichheid earst troch Kijlstra en Molenaar en letter troch Krips en Molenaar. It wurdt dan minsken as Waling Dykstra en Jan Jelles Hof te plat en te kluchtich.[J.J. Hof], ‘Verval van kunstsmaak’, Nieuwsblad van Friesland (6 septimber 1902). Hoe’t Rozenga mei de ym- en eksplisite sensuer yn syn Winterjounenocht-dagen omgie, witte wy net, by gebrek oan boarnen. Wol, dat yn itselde jier 1897 dat ‘Jakkele Skearder’ sneuvelet, it Simke Molenaar begjint op te fallen dat syn freon en mentor yn it fak wol gauris in borrel benuttiget.Ut oantekenskriften fan Molenaar, oanhelle by Van der Molen (1984), s. 102. De ferwidering dy’t dat drinken opsmyt, is letter troch Molenaar, sels in ûnthâlder, nei foarren brocht as reden foar it weigean by syn learmaster. Ek Van der Velde fertelt it sa. Mar dêr achter leit fansels de fraach: wêrom drinkt in drinker?

De reade jierren

Rozenga syn stap yn it amusemintsyndustrytsje fan syn dagen wie net in prebearsel fan in nobody. Yn 1891 en 1892 wie er ien fan de bekendste sosjalistyske aktivisten yn Fryslân, sprekker-performer op byienkomsten fan de Volkspartij, de Sociaal-Democratische Bond en de Nederlandsche Bond voor Algemeen Kies- en Stemrecht, dêr’t er yn Fryslân haadbestjoerslid fan wie. Syn optredens binne opmerklik om twa redenen: hy brûkt as kristen-sosjalist gauris bibelske leitmotiven yn syn taspraken,Sjoch J.J. Kalma, ‘Meindert Rozenga. In reade skoalmaster rekket oan de drank’, It Beaken 37 (1975). en hy kombinearret syn boadskip mei (meast Nederlânske, mar ek wol Fryske) humoristyske sangfoardrachten.Bygelyks by in gearkomste fan it kiesrjochtbûn yn Ljouwert ûnder lieding fan Oebele Stellingwerf dêr’t ta de oprjochting fan de Volkspartij besletten wurdt. Yn it skoft droech Rozenga ‘een paar humoristische zangstukjes’ foar ‘ten genoegen der aanwezigen’. ‘Binnenland’, Recht voor allen (25 septimber 1890). Syn ‘Fryslâns rom’ stiet yn it Friesch Volksblad en ek publisearret er ‘Het kleine landje’ yn de Almanak voor de Volkspartij.Almanak voor de Volkspartij in Friesland 1892 (H.J. Poutsma, Sneek). Under redaksje fan Troelstra. Oare meiwurkers û.o. Vitus Bruinsma, Oebele Stellingwerf, Rindert van Zinderen Bakker, Tjepke Nawijn, Tjeerd Stienstra.

‘Fryslâns fee is hearefee, Fryslâns grûn is hearegrûn’, sa fettet er syn boadskip yn ‘Fryslâns rom’ gear, in gedicht dêr’t Woudman in strofe út sitearret yn de nostalgyske toan fan de lette Troelstra:

As ’t goudgiel nôt op ’e ikker ripet,

    En ’t fjild fol swiere fruchten stiet,

    Gjin lân, dat boppe Fryslân giet!

En komm’ dan yn tiid fan ’t rispjen

    De folle weinen op ’e dyk,

Sjoch hoe’t de minsken skreppe en wrotte,

    O ja, wat is ús Fryslân ryk!Sit. yn Woudman, ‘Fryske Winterjoune-nocht. Krips en Molenaar XIII’, Nieuwsblad van Friesland (24 juny 1932).

Fryslân mei ryk wêze, it is krisis en de minsken dy’t sa skreppe en wrotte wurde bestellen troch de besitters, is de portee. Of, sa’t ’Het kleine landje’ it seit:

O, machtig Socialisme,

Verbreek ’t kapitalisme,

Bevrijd de nijvere vierde stand

Ook hier, in Nederland!Sit. yn D.M. van der Woude, ‘Ut ’e lapekoer’, Leeuwarder Courant (31 augustus 1972).

Oare teksten fan him út dy tiid binne sa’t it liket net bewarre bleaun, mar út de oankundigingen yn ’e krante fan sprekbeurten wurdt dúdlik dat er sosjalisme kombinearret mei kristendom en graach nei de Bibel ferwiist. Sa hâldt er foar fjouwerhûndert man fan de Zwolsche Arbeidersbond yn desimber 1891 ‘Een tevreden­heidspreek’.‘Binnenland’, Recht voor allen (1 desimber 1891). In pear dagen letter giet it yn Uskwert oer Spreuken 22:2: ‘Riken en earmen mette elkoar, de Heare hat se allegearre makke’.‘Binnenland’, Recht voor allen (30 desimber 1891). Dat is ek it ûnderwerp yn jannewaris 1892 yn Reduzum.‘Openbare Vergadering’, Leeuwarder Courant (15 jannewaris 1892). Yn Ljouwert yn maart 1892 komt er op Lukas 9:58: ‘De vossen hebben holen, de vogelen des hemels nesten, maar de zoon des menschen heeft niets om zich neder te leggen’:

[Rozenga] toonde aan, hoe zij, die alles voortbrachten, niets hadden om in hunne behoeften te voorzien, zoodat deze bijbeltekst volkomen op hen van toepassing is. Vervolgens wees hij er op, dat langs geleidelijken weg het niet mogelijk zoude zijn hierin verandering te brengen, maar dat het noodzakelijk was, dat men zich krachtig organiseerde, opdat, wanneer de toestand onhoudbaar was geworden, het volk zijn macht was bewust. Na de rede werden er nog eenige liederen en voordrachten door den spreker ten beste gegeven, welke zoodanig in den smaak vielen, dat zelfs na de sluiting der vergadering de spreker nogmaals genoodzaakt was op het tooneel te verschijnen.‘Binnenland’, Recht voor allen (5 maart 1892).

Letter dat jier giet it foaral tsjin ‘De eredienst van het gouden kalf’ (Eksodus 32-1:29).J.J. Kalma, ‘Meindert Rozenga. In reade skoalmaster rekket oan de drank’, It Beaken 37 (1975), s. 394. Kalma hat Rozenga syn kristlike ynset relatearre oan ynfloed fan de Hallumer dûmny Sebald Justinus Rutgers (1810-1901).Ib., s. 387: ‘in hwat singulier, mar geleard man, immen, dy’t it Kristlik leauwe bisocht to bilibjen. Der is reden om oan to nimmen, dat Rutgers op de jonge Meint noch al hwat ynfloed útoefene hat. De saneamde “Grinzer” rjochting, dêr’t dûmny ta bihearde, hat, trou oan de opfetting “Net de leare, mar de Hear”, in bulte klam lein op praktysk Christendom.’ Dat wie de heit fan de letter foaral yn rûnten fan it Kristlik Frysk Selskip sa wurdearre dichteres foar bern Johanna Frederika Rutgers (1846-1930), ‘Frederike fan Hallum’.Jan Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse (1e pr. 1938; Laverman, Drachten 1957) makket oan Rozenga gjin wurden smoarch mar rint wei mei de pas yn ’e tweintiger jierren publisearre gedichten fan Rutgers, s. 171: ‘It is meast ienfâldige, oprjochte religieuze poëzij, mei faek in mystike toan. Sa past de namme fan “Frederike fan Hallum” net iens sa min by dy fan abt Frederik, stifter fan it kleaster Mariëngaard.’ Hoe’t dat wêze mei, Rozenga wiist it sosjalisme fan de ‘geleidelijke weg’ ôf en is foar ôfskaffing fan it priveebesit. Yn Akkrum komt er ein 1892 op dat punt yn botsing mei in ‘anonieme plaatsgenoot’ die ‘de boeren wilde vereenigen om lapmiddelen ter hand te nemen’.‘Binnenland’, Recht voor allen (16 desimber 1892). Ut in rektifikaasje yn Recht voor allen (23 desimber 1892) wurdt dúdlik dat it Rozenga wie, net syn anonime opponint, dy’t foar ôfskaffing fan it priveebesit pleite. Volkspartij en Sociaal-Democratische Bond binne beide ferdield oer de kwestje, ta teloarstelling fan in protte sosjalisten dy’t lykas hy de polityk yn 1893 ferlitte.

Akkrum is ien fan de lêste kearen dat er optreedt as sprekker op in politike byienkomst. Twa moanne letter jout distrikts­skoalopsjenner mr. Claes Johannes Prakken (1852-1916), in liberaal advokaat en pleatsferfangend rjochter te Ljouwert, yn in brief oan de minister fan Ynlânske Saken de nammen fan sosjalistyske skoalmasters troch, dy’t dêrnei berjocht krije dat se har bedimje moatte of oars konsekwinsjes fiele sille.J.J. Kalma, ‘Meindert Rozenga. In reade skoalmaster rekket oan de drank’, It Beaken 37 (1975), s. 395. Nei Rozenga syn dea sille guon sosjalisten dy’t him kend hawwe, syn fierdere swijen hjirmei yn ferbân bringe. Bygelyks de Stienser timmerfeint K. Groenewoud yn it SDAP-blêd De Volksstrijd: ‘Velen, waaronder ook hij, hebben zich later, door den drang van hoogergestelden, moeten terugtrekken…’‘M. Rozenga’, Nieuwsblad van Friesland (4 desimber 1901). Utlittingen fan K. Groenewoud oernommen út in artikel yn De Volksstrijd, it blêd fan SDAP-mei-oprjochter Schaper. It soe de reden west hawwe fan Rozenga syn drinken.

Der hawwe ek reade ûnderwizers west dy’t de drigeminten fan de oerheid yn ’e wyn sloegen. Kalma spekulearret dat Rozenga finansjeel net sterk stie ‘en it is mooglik dat hy him yntimidearje litten hat, al hat er him tagelyk ek skamme foar dy hâlding’.J.J. Kalma, ‘Meindert Rozenga. In reade skoalmaster rekket oan de drank’, It Beaken 37 (1975), s. 395. Mar dat lêste is hineininterpretieren, der is gjin inkelde tekst of útlitting dêr’t soks út blike kinne soe. Yn it gefal fan Rozenga kin noch wat oars meispile hawwe.

In oan no ta net opmurken feit is dat in broer fan distrikts­skoalopsjenner Prakken, de fabrikant en keapman Arnoldus Prakken (1854-1922) út Dantumawâlde, in aktyf liberaal politikus wie, dy’t in sit hie yn it bestjoer fan de liberale kiesferiening ‘Vooruitgang’ yn DantumadeelAdfertinsje yn Leeuwarder Courant (8 augustus 1891). en yn 1898 de kandidaat wie fan de Centrale Liberale Kiesvereeniging yn it kiesdistrikt Dokkum foar Provinsjale Steaten.Adfertinsje yn Leeuwarder Courant (25 febrewaris 1898). Dêrneist wie er ek fertsjintwurdiger fan De Nederlandsche Hypotheekbank te Veendam.Adfertinsjes yn Leeuwarder Courant (13 april 1891) en Leeuwarder Courant (20 maart 1893). Mei syn kompanjon Dirk Fontein de Jong (lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân) hie er twa cichorei-droegerijen yn Dantumawâlde en ien yn Moarrewâlde. It gefal wol dat Rozenga yn novimber 1892 yn Moarrewâld spruts op in SDB-byienkomst.‘Strijdpenning’, Recht voor allen (11 novimber 1892). Al yn july fan dat jier hie de partij yn Moarrewâlde west op in propagandareiske wêrby’t ek Birdaard, Rinsumawâlde, Akkerwâlde en Feanwâlden oandien waarden.Recht voor allen (12 juny 1892). Der stie mei oare wurden wol druk op de affêren fan de famyljes Prakken en Fontein de Jong. Nei’t Rozenga dêr west hie, waarden yn Moarrewâlde troch de boeren ‘maatregelen genomen, om eenigszins te gemoet te komen in de vreeselijke werkeloosheid’.‘Werkeloosheid’, Recht voor allen (28 desimber 1892). Faaks mei men dêryn de hân fan Fontein werkenne, dy’t doe foarsitter wie fan de Fryske Maatskipppij fan Lânbou.

Tsjin de kombinearre macht fan steat, provinsje en kaptaal doart er it net oan om fierder. Nei it skriuwen fan de skoal­opsjenners ferdwynt er fan de list mei sprekkers op publike byienkomsten. Yn 1894 wurdt de SDAP oprjochte, de partij fan de ‘geleidelijke weg’ dêr’t er him, follebetsjuttend, ek net by bejout. Hy hat gjin polityk hûs mear. Sil Fryslân him dan in dak biede kinne? De kâns docht him foar as er heart fan de plannen fan Van der Velde en Wielsma. Sa’t it liket om syn oerstap fan de reade wrâld nei dy fan it Winterjounenocht te rjochtfeardigjen, lit er freonen as Molenaar en pianist De Jong witte dat er skulden hat, om’t er te helpfeardich foar oaren en te goed fan betrouwen west hat. Hy soe in boarch fan 300,- gûne – in heal jiersalaris foar in skoalmaster – jûn hawwe oan ien dy’t letter dochs fallyt gie en de boarch ynrôp.

Sa’n boarchstelling is yn de notarisargiven lykwols net te finen. Faaks dat er jild stutsen hat yn de bakkerij fan syn heit, dy’t yn 1892 kaam te ferstjerren.

Feroaringen

Yn septimber 1897 komt it skoalhaad fan de iepenbiere legere skoalle yn Marrum, Johannes Metzlar, berne 1831, te ferstjerrren. De boppemaster dy’t sawol it politike as it artystebestean fan Rozenga fan it begjin ôf meimakke hat, is net mear.J.J. Kalma, ‘Meindert Rozenga. In reade skoalmaster rekket oan de drank’, It Beaken 37 (1975), s. 387: ‘Faaks hat dizze man, de heit fan de letter bikende Ljouwerter master en sanglieder Rommert Metzlar, de leafde ta de sang by him oansterke.’ Ta nije boppemaster wurdt Tjeerd Veninga (1866-1930) beneamd, dy’t oerkomt fan it Stienser Tichelwurk.‘Uit de provincie’, Leeuwarder Courant (22 novimber 1897). Tagelyk sirkulearje der yn Marrum en omkriten plannen om te kommen ta de stifting fan in kristlik-nasjonale skoalle.Nederlandsche Staatscourant (21 novimber 1898). Der komt in ‘commissie voor christelijk schoolonderwijs’, dy’t statuten foar in ‘School met den Bijbel’ publisearret yn de Staatscourant‘Schoolnieuws’, De Standaard (22 novimber 1898). en yn maaie 1901 de bou fan twa lokalen oanbesteget.‘Aanbestedingen’, Leeuwarder Courant (19 juny 1901). Nei de bou fan in twadde kristlike legere skoalle, no fan de Ned. Herf. rjochting yn 1912, hat de iepenbiere skoalle yn Marrum it op termyn net rêde kinnen. Dy gie ticht yn 1933. Begjin oktober fan dat jier wurdt de skoalle iepene, wat sels De Telegraaf hellet.‘Lager onderwijs’, De Telegraaf (8 oktober 1901): ‘Verleden week zijn in Friesland opnieuw twee bijzondere (chr. nat.) scholen geopend, de eene te Hemelum, in Hemelumer Oldephaert en Noordwolde, de tweede te Marrum, Ferwerderadeel. Hierdoor is het getal bijzondere scholen in Friesland geklommen tot 134, tegen 344 openbare.’

Net ien fan de biografyske-stikjesskriuwers fermeldt dat feit. Hoefolle empaty foar Rozenga ek oan de dei lein wurdt troch Wiersma, Woudman, Van der Molen en Kalma: dat lokale skoalle­striid in rol spile hawwe kin by syn ûndergong komt net oan de oarder. As kristen-sosjalist en foarstanner fan folksûnderwiis sil Rozenga de komst fan in kristlike skoalle yn syn ‘eigen’ Marrum tsjinstien hawwe. Miskien sjocht er it sels as in persoanlike nederlaach: hy hat der ommers altyd mei fjoer op oanstien dat krekt kristlike arbeiders it sosjalisme omearmje soene. Sa it is net raar om de lange monolooch ‘It betsjoende bern’ út Nije Fryske foardrachten, mei syn lokaal-politike ymplikaasjes, te sjen as in tekst dêr’t just om dizze reden lilkens en frustraasje ûnder leit.De Stienser skoalmaster en skriuwer O. Nieuwenhuis hâldt op 7 jannewaris 1902, noch gjin twa moanne nei de dea fan Rozenga, foar de Vereeniging tot het Houden van Volksbijeenkomsten yn Stiens in lêzing oer it ûnderwerp byleauwe. Leeuwarder Courant (10 jannewaris 1902): ‘Hij liet uitkomen, hoe het bijgeloof afneemt, dank zij den geest van onderzoek en de ontwikkeling, hoe het echter nog volstrekt niet is uitgeroeid, hoe reeds de “Halbertsma’s” het aan de kaak stelden, en ook de kort geleden zoo noodlottig omgekomen declamator Rozenga in “it bitsjoende bern” den strijd aanbond.’

Nei de breuk mei Molenaar treedt er noch in tal kearen allinnich of tegearre mei pianist De Jong op. Op de adfertinsjes ôf te gean op 4 febrewaris foar de krite Ljouwert fan it Frysk Selskip,Leeuwarder Courant (5 febrewaris 1900). Syn útjouwer Van der Velde wie siktaris fan de krite. op 21 febrewaris mei foardrachten en lêzingen yn Marrum,Leeuwarder Courant (19 febrewaris 1900). op 25 maart foar de feriening Halbertsma yn Wergea,Leeuwarder Courant (21 maart 1900). op 2 jannewaris 1901 yn Stiens (‘Iennichste Foardracht-joun fen de Hear M. Rozenga yn disse winter yn Stiens’),Leeuwarder Courant (31 desimber 1900). Ferslachje yn Leeuwarder Courant (5 jannewaris 1901); ‘voor een tamelijk talrijk publiek de bekende Friesche dichter en voordrager. (..) Op het programma kwamen o.m. twee lezingen voor, waarvan vooral de eerste, “it betsjoende bern”, bijzonder in den smaak viel. Uit de herhaalde toejuiching bij de verschillende stukken bleek, hoezeer de voordracht bewonderd en gewaardeerd werd. ’t Was een echte Fryske joun.’ op 12 maart yn Menaam,Leeuwarder Courant (11 maart 1901). op Peaskemoandei 8 april by de iepenbiere útfiering fan fanfarekorps Klimop yn Berltsum,Leeuwarder Courant (5 april 1901). op 25 july op de iepenbiere útfiering fan it Reciteer-College De Vriendenkring yn Warten,Leeuwarder Courant (22 july 1901). op 3 novimber by wer in útfiering fan Klimop yn Berltsum,Leeuwarder Courant (30 oktober 1901). en it lêste optreden dat ik oankundige fine koe hie plak op snein 10 novimber yn Aldsyl, dêr’t it korps Crescendo syn jierlikse útfiering hie.Leeuwarder Courant (15 novimber 1901).

Syn sosjalistyske freonen tinke nei syn dea dat er net bestân west hat tsjin it súkses fan syn optredens en de ferlieding fan ‘it grutte jild’. ‘Een verloren strijder’, neffens M. K. nei syn dea yn Het Volk. Oer de arbeidersbeweging soe er inkeld noch praat hân hawwe ‘als hij onder den invloed van alcohol was. (..) Arme Rozenga, vervloekte drank.’‘Gemengd’, Het Volk (28 novimber 1901). En Groenewoud: ‘Als Friesche voordrager, met een kleurloos repertoire, bracht de meerdere verdienste (in gezelschap van Molenaar heeft hij grof geld verdiend) hem ten val. Hij werd een drinker… Hij werd een slachtoffer – zegt de heer Groenewoud – van de macht, die hem verbood te werken aan wat voor hem levensdoel geworden was.’Sitearre yn: ‘M. Rozenga’, Nieuwsblad van Friesland (4 desimber 1901). Mei oare wurden: fan de drigeminten fan de liberale skoal­opsjenners yn de sosjalistetiid.

Sa net, syn fertrek út de politike striid wie al acht jier lyn. Is it wol sa’n oannimlike ferklearring foar syn ûndergong? Wilens is der ommers in nije krisis op kommendewei. Yn 1901 hinget him de konkrete driging boppe de holle dat er meikoarten sûnder wurk sitte sil. By it nijs oer de iepening fan in kristlike skoalle yn Marrum komt it berjocht dat er mei yngong fan it nije jier op wachtjild komt te stean.‘Gemengd nieuws’, Het nieuws van den dag (22 novimber 1901). Is it de drank, of foarsjocht it bestjoer fan de iepenbiere skoalle dat der in stik minder learlingen komme sille?

De ein

Hoewol’t Rozenga fjouwer jier lang in protte fertsjinne hawwe moat – de entreeprizen by Rozenga en Molenaar wiene meast 40 of 50 sint, se moatte op syn minst in 150 kear optreden hawwe en alle kearen wie der hûndert man publyk of mear – is der by syn dea gjin botsen mear. Der binne inkeld mar skulden. In oprop yn ’e krante, nei syn dea, oan skuldeaskers om har te melden wurdt beselskippe fan de meidieling dat der nei it feilich stellen fan de húsried en de begraffenis neat mear te ferhapstikjen is.Adfertinsje, Leeuwarder Courant (2 april 1902): ‘N.B. Uit de opgemaakte rekening blijkt, dat buiten kosten van boedelredding en begrafenis, niets kan worden voldaan.’ De inventaris fan Rozenga wie al op 7 febrewaris opmakke. Boarne: Minuut-akten 1902, archiefnummer 26, Notarieel archief - Tresoar, inventarisnummer 115078, aktenummer 02175. Gemeente: Idaarderadeel. Periode: 1902. De man dy’t de saken foar de as frijfeint ferstoarne Rozenga ôfhannelet is syn omke Willem Wubbes Eelsingh (1839-1920). Dat is in keapman, taksateur en strykjildskriuwer út Hallum, earder kupersfeint en trekskipper, dy’t mei in dan noch mar krekt ferstoarne susterAntje Aukes de Vries (1841, Hallum) tr. 1865 mei Eelsingh; stjert 5 septimber 1900. fan Rozenga syn al folle earder ferstoarne mem troud wie. Eelsingh sil ek de begraffenis betelje, mar in stien kin der net ôf.

Dizze Eelsingh komt in dei nei’t Rozenga yn it Koarnjumer Aldlân fûn is, mei in ryksfjildwachterLiekele Bijlsma, ryksfjildwachter te Stiens, deselde dy’t earder ûndersyk nei de Hogerhuzen dien hie. Bijlsma docht op 20 novimber tegearre mei Eelsingh oanjefte fan it ferstjerren fan Rozenga by de gemeente Ljouwerteradiel. Se melde dat R. stoarn is ‘te Cornjum op een stuk land’. Boarne: Overlijdensregister 1901, archiefnummer 30-23, Burgerlijke Stand Leeuwarderadeel - Tresoar, inventarisnummer 3032, aktenummer 175. Gemeente: Leeuwarderadeel. Periode: 1901. Ut in berjocht yn de Arnhemsche Courant (23 novimber 1901), oernommen út de Nieuwe Rotterdamsche Courant, blykt dat syn lyk ‘midden in een stuk land door jagers [was] gevonden’. Mar dat betreft in rektifikaasje; in dei earder hie de krante (en ûnderskate oaren) meld: ‘Uit eene sloot bij Cornjum (Fr.) is opgehaald het lijk van den bekenden Frieschen voordrager M. Rozenga, onderwijzer aan de o.l. school te Marrum’. Sa ek de Provinciale Drentse en Asser Courant (22 novimber 1901) en Het nieuws van den dag (22 novimber 1901): ‘Te Cornjum, bij Leeuwarden, is uit eene sloot het lijk opgehaald van den Heer Meindert Rozenga.’ Yn it ynterview fan 1926 yn It Heitelân seit Rinze van der Velde dat Rozenga ‘oan ’e walskant lizzen bleaun en troch de kjeld befongen’ wie, dus net ’midden in een stuk land’. Nieuwe voordrachten ferskynde by R. van der Velde te Ljouwert net yn 1902, sa’t Van der Molen skriuwt, mar binnen twa wike nei de dea fan de skriuwer. Adf. yn Leeuwarder Courant (4 desimber 1901). by útjouwer Van der Velde melden dat de skriuwer-performer dea is. Ut in brief fan Van der Velde oan Wielsma blykt dat de earste it ferhaal fan ‘een Omke van Rozenga’ heard hat: de dronkenskip, it útstappen, it ferdwalen, de sleat, de dea yn it fjild.Publisearre yn: Teake Hoekema, ‘Meindert Rozenga syn dea’, Us Wurk XXV (1976) s. 84-85. Dat it lyk fan Rozenga oantroffen is troch jagers, en dat dy jagers it doe wierskynlik út de sleat helle hawwe en op it droege lutsen, komt net oan de oarder.J.J. Kalma, ‘Meindert Rozenga (Hallum 7 dec. 1854 – Kornjum 19 nov. 1901)’, yn: Biografisch Woordenboek van het Socialisme en de Arbeidersbeweging in Nederland, s. 258: ‘(verdronken 19 november 1901, onder Kornjum)’. It falt op dat Kalma yn syn Frysktalige stik yn It Beaken fan itselde jier (1975) it ferdrinken net neamt. Hoe’t Eelsingh en/of de plysjeman fan de gong fan saken op ’e hichte rekke binne, skriuwt Van der Velde der ek net by.

Deselde deis, 20 novimber, geane hy en Eelsingh nei Koarnjum om oan de baar te stean; Van der Velde nimt dan it manuskript fan Nieuwe voordrachten mei werom. De kletstrochwiete korrizjearre printkladden (dy’t blykber noch wol te lêzen wiene) hie Rozenga noch by him, ynklusyf in briefke fan Van der Velde. Dy deis soe er de papieren by de útjouwer ôfjaan. Dêr hat er lykwols net west; hy soe yn kafees sitten hawwe, dronken wurden wêze, en de trein fan 20.22 oere nei Marrum nommen hawwe. En the rest is history.

It bliuwt in fassinearjend ferhaal – mei as iennichste boarne útjouwer Van der Velde. De Leeuwarder Courant skriuwt op 4 desimber oer Nieuwe voordrachten dat Rozenga dy wierskynlik sels publisearje wollen hie.‘Nieuwe uitgaven’, Leeuwarder Courant (4 desimber 1901). In oar ferhaal is dus ek mooglik. Hat er op 19 novimber wól by syn útjouwer del west, hat dy syn manuskript net útjaan wollen sa’t hy it woe? Hat Van der Velde al of net yn ’e mande mei Eelsingh in ferhaal betocht doe’t er fernaam fan syn dea (gjin suicide mar in ûngemak; suicide wie fansels ek in skande)?Ben de Pater, ‘Het taboe op zelfmoord rond 1900’, yn: Anne van Buul e.o., red., Onnoemelijke dingen. Over taboe en verbod in het fin de siècle (Verloren, Hilversum 2014) s. 113-126. Letter sil Van der Velde swije oer de omke; yn it ynterview út 1926 wêryn’t er oantinkens oan Rozenga ophellet, hat er it oer ‘in man (..) út Koarnjum’ dy’t by him kaam wie mei it nijs oer de dea fan Rozenga.‘In interview mei de hear R. v.d. Velde’, Leeuwarder Nieuwsblad (16 novimber 1926).

Wis is dat Rozenga foar himsels minder goed soarge hat as wol moatten hie. Nei it earste súkses mei Molenaar op de twadde krystdei fan 1895 yn Hallum kamen der in protte oanfragen by him yn, mar hy moat net in goede ûnderhanneler of tûk mei sinten west hawwe. Noch in reden wêrom’t de bekende artyst nei fjouwer jier grut kommersjeel súkses, plus in ûnderwizerssalaris, gjin sint mear te makken hie. ‘Bij het regelen der condities’, skriuwt Woudman, ‘bleek Rozenga meer idealist dan practisch zakenman te zijn, zooals dat meer voorkomt.’ Ein 1897 waard dêrom de administraasje fan de optredens yn hannen jûn fan Molenaar.Adfertinsje, Leeuwarder Courant (9 novimber 1897): R. en M. meitsje bekend dat oanfragen foar harren programma tenei oan Molenaar rjochte wurde moatte yn Grou, ‘dy’t him mei de briefwiksel bilestige het’. ‘Het werd (..) verstandig gevonden, dat de correspondentie meer van Grouw uit werd gevoerd.’Woudman, ‘Fryske Winterjoune-nocht, Rozenga en Molenaar IV. 1895-1899’, Nieuwsblad van Friesland (29 april 1932).

Oft Rozenga by libben ek syn priveesaken troch syn omke Eelsingh waarnimme liet is net bekend. Al soe jin dat yn it ljocht fan boppesteande gjin nij dwaan. Yn 1892 regele Eelsingh ek al de fer­hier fan de bakkerij yn Hallum fan Rozenga syn dat jier ferstoarne heit.Leeuwarder Courant (13 desimber 1892). Syn omke koe, oars as hy, gûchelje mei jild; yn de twadde helte fan de njoggentiger jierren kocht en ferkocht er it iene nei it oare hûs en stik lân yn Hallum en omkriten.Boarne: www.allefriezen.nl. Yn 1903, twa jier nei de dea fan Rozenga, troude Eelsing op 63-jierrige leeftyd mei syn twadde frou Trijntje Annes Dijkstra (1881-1963), in dochter fan in Ferwerter ferversfeint dêr’t er in pear jier earder noch 800,- gûne oan útliend hie. Trijntje is 21 jier jong en swier; de poppe komt twa dagen nei it houlik op ’e wrâld. De húshâlding emigrearret yn 1919 nei Amearika. Hy is dan 80 jier. Willem ‘William’ Eelsingh ferstjert yn 1920 en leit begroeven yn Grand Rapids, Michigan. (Boarne: <https://www.findagrave.com/memorial/134748826#>, krigen 9 jannewaris 2018). Rozenga hat dêr mooglik net folle foardiel fan hân. Wy kinne it yn alle gefallen net litte en lês dizze passaazje út ‘Koekeloerum!’, it lêste liet yn Nieuwe voordrachten, autobiografysk:

Een heertje stak vrij diep in schuld

    En klopt bij Oomlief aan;

Maar al zat deze er warmpjes in,

    Hij wou niet schuiven gaan.

        „Er zit niet anders op,

        Ik schiet me voor den kop!”

Zei neef, en steekt met rollend oog

’n Revolver naar omhoog.

        Koekeloerum! Koekeloerum!

    ’t Was om zijn slag te slaan;

Hij meende ’t met zijn schieten niet,

    ’t Ding was niet eens gelaân.M. Rozenga, Nieuwe voordrachten (Van der Velde, Ljouwert 1901), s. 47.

Fjouwer manieren

Meindert Rozenga, dronken of net, hat himsels tekoart dien op deselde grouwélige wize as folle letter Reinder Brolsma. Wy kinne inkeld wize op syn beknypt reitsjen tusken ‘liberaal en klerikaal’, likegoed as tusken sosjalist en populist.Spekulaasjes oer syn seksuele oriintaasje en dat it dúdlik wie dat der oan him ‘gjin frouljusfleis’ siet, lit ik hjir by gebrek oan ûnderstypjende ynformaasje of oanwizingen mar gewurde. Opmerking yn M.L. Dijkstra, ‘Meindert Rozenga foun syn ein yn Koarnjumer Aldlân’, Frysk en Frij (14 april 1979). Wol komt it net krije kinnen of net krigen hawwe fan in frou as motyf yn it wurk ytlike kearen foar. As ûnderwizer fielde er druk fan hegerhân om op te hâlden mei syn reade aktivisme. As súksesfol skriuwer en foardrager krige er fan sosjalistyske kant te hearren dat er mei it Winterjounenocht syn idealen ferrette en foar de grouwe gûne gie, wylst de liberalen en konservativen har oan syn krityk en sosjalistyske stekken ergeren. Boppedat koe er as skoalmaster yn Marrum yn 1901 oan de warberens fan de anty-revolúsjonêren wol ôflêze dat ek op eigen hiem syn politike wurk omdôch west hie.Sjoch ek ??? (Hawwe der ek iepenbieren en liberalen west dy’t him syn optredens oanrekkenen, om’t se tochten dat dy in kristlike skoalle tichterby brochten?)

Hiel oars moat de einbalâns wêze fan syn skriuwwurk. Dat kin op fjouwer manieren sjoen wurde as in corpus belangrike Frysk-literêre teksten op it snijpunt fan de njoggentjinde en tweintichste ieu. Belangryk, op it foarste plak út literêr-histoarysk eachweid wei, om’t se mei de grûnslach foarmje fan it Twadde Winterjounenocht, dat in fernijing fan it Fryske realisme betsjutte. Sadwaande hat it wurk net in bytsje bydroegen oan it nije élan yn de Fryske literatuer en kultuer om 1900 hinne. Piebenga skriuwt dat oplibjen ta oan it effekt fan de troch it Frysk Selskip organisearre betinking, op 8 oktober 1897 yn Grou, fan Eeltsje Halbertsma syn hûndertste bertejier en lit it troch him ferspijde Twadde Winterjounenocht bûten syn ‘ferklearring’.Piebenga, Skriftekennisse, s. 198: ‘(..) dat ieufeest ropt nij libben wekker. Bûten Fryslân wurde der kriten of Fryske selskippen oprjochte, dat ‘om utens’ bigjint mei to spyljen. It wykblêd Sljucht en Rjucht kin op ’e nij forskine ̶ yn 1890 wie it ek al in jier bisocht ̶ en wurdt ûnder lieding fan Waling Dykstra yn de kommende jierren in kweekplak en taflechtsoarde fan de folksskriuwerij, al wurde der ek wol mear persoanlike lûden yn heard.’ In pear siden earder (s. 196) hat P. dan it Twadde Winterjounenocht, ‘dat troch stikken as “Oept en Kekke”, “In spantsje” en “Fan Ljouwert nei Jellum-Boksum” wol neijernôch karakterisearre wurdt’, al bûten de literatuer skood. Mar Sljucht en Rjucht fan Waling Dykstra en útjouwer Eisma ferskynde al mei yngong fan jannewaris dat jier en it Twadde Winterjounenocht wie al twa jier foar de Halbertsma-betinking út ein set. Streekrjocht gefolch fan it optreden yn Grins op 13 febrewaris 1897 wie nota bene de oprjochting fan de krite ‘Eeltsje Halbertsma’. De opgong fan de ‘om utens’ lêzers yn de Fryske literatuer is dan ek folle mear oan Waling Dykstra syn inisjatyf en dat fan Rozenga-Wielsma-Van der Velde ta te skriuwen as oan aksjes fan it Frysk Selskip.

Twads hat Rozenga, mei Wielsma, de literêre foarm fan de sjongfoardracht (de kombinaasje fan parlando en liet) fan it Nederlânsk nei it Frysk brocht en populêr makke. Wylst literatuer yn algemiene sin yn it lêste fearnsdiel fan de njoggentjinde ieu yn Nederlân hieltyd ‘verder van “voordracht” weggroeide, (..) o.m. het gevolg van het strikt verliteraturen van de poëzie in alle richtingen, en van het toenemend modernistisch individualizerings- en depersonalisatieproces’,Fred Six, ‘Poezie in de marge van het theatermedium’, Ons Erfdeel 24 (1981), s. 120. is yn de Fryske literatuer yn de njoggentiger jierren suver in tsjinstelde rjochting waar te nimmen. Yn 1890 mislearre it earste besykjen fan Sljucht en Rjucht, yn 1895 stoppe For Hûs en Hiem. Mei troch lânboukrisis en massale emigraasje ferskynde der noch mar in bytsje literatuer op papier. De minsken joegen de pear sinten dy’t se hienen leaver oars út. Orale literêre kommunikaasje, ynearsten ferbûn mei politike striid, koe yn it bysûnder yn it swier troch de krisis troffen Fryslân yn de foarm fan sangfoardrachten sa in ferlingd libben krije. In skerpere skieding tusken literatuer en toaniel en tusken dichtkeunst en sjongkeunst, wat wol de autonomisearring fan literatuer neamd wurdt, waard sa noch efkes útsteld.Sjoch ek Goffe Jensma, ‘Meartaligens en autonomisearring fan de Fryske literatuer om 1900 hinne’, Us Wurk 66 (2017), s. 153.

Treds fertsjinnet it gebrûk fan humor yn teksten aparte fermelding en wurdearring. Yn in literatuer dy’t yn ’e earste helte fan de tweintichste ieu krekt dêr net folle romte foar lit, moat Rozenga wol ferskine as pionierjend beoefener fan de grappige skets en it puntige liet en as de útfiner fan it Fryske kabaret. Irony en satire hiene in fêst nûmer west op it rippertwaar fan njoggen­tjinde-ieuwers as Eeltsje Halbertsma en Waling Dykstra, en ek Piter Jelles Troelstra koe der mei syn Foekje fan Heech wat fan, mar dêrnei liket de estetika fan de humor wat út sicht te ferdwinen. It binne om de ieuwiksel hinne benammen Meindert Rozenga en Cornelis Wielsma, de lêste ek mei syn koartdichten yn Forjit my net!, dy’t literatuer en humor op in nije wize kombinearje. Letter kin wiisd wurde op in allyksa ferjitten figuer as Fokke Jacq. de Zee, dy’t fan 1919 oantemei 1926 ûnder de skriuwersnamme Burdo syn ‘Diggels’ skreau yn It Heitelân.

En as fjirde is der fansels it sosjale en politike engaazjemint yn Rozenga syn teksten. Dat ûntbrekt fierhinne yn in protte bleke en bloedeleaze Selskipspublikaasjes fan dy likegoed roerige tiid. Dit aspekt fan syn wurk set sawol de sojaal-liberale tradysje fan Waling Dykstra-en-dy fuort as dat it fierder bout op Troelstra syn sosjalistyske provokaasje ’In nije tiid’ (1890).P.J. Troelstra, ‘In nije tiid’, For Hûs en Hiem (30 septimber 1890), s. 236. Ek in sosjalistysk folksdichter as Marten Hepkes Bakker kin hjir as foargonger neamd wurde.Marten Hepkes Bakker, Dan krije ek de fûgels dien. Gedichten. Gearstalling en ynlieding Abe de Vries (Grotesk, Amsterdam 2016). Dêr’t it Frysk Selskip yn ’e regel wat om ’e hite brij hinne draaide, blykt út Rozenga syn wurk dat er him net allinnich rekkenskip joech fan de grutte maatskiplike spanningen yn ’e njoggentiger jierren, mar dêr ek as skriuwer op net mis te fersteane wize posysje yn keas. Krekt dat hat him, letterlik, de kop koste, sa’t ik sjen litten haw, en wierskynlik is er sa ek in, it mei wêze beskieden, notearring misrûn yn de hitlisten fan de Fryske literatuer.

Mei yngong fan 1915 wurde dy hitlisten ommers foar in grut part bepaald troch de anty-realistyske en nasjonalistyske retoryk fan Douwe Kalma en syn Jongfryske Mienskip, mei in fokabulêr dat de literêre idealen oanpast by de ferskriftlikjende tiden, mar dat yn feite noch anty-sosjaler útpakt (de kearside fan ‘persoanlik’) as de eardere Selskipsliteratuer. Yn it plak fan it sosjaal-krityske Fryske realisme komt wer de âlde, mar no ta politike ideology radikali­searre klam op it persoanlik dielnimmen oan de ‘eigenheid’ fan it Fryske folk, syn folkskarakter en syn skiednis. Yn dy sin kin de Jongfryske Mienskip net inkeld tsjinje as ynstrumint fan literêre modernisearring, mar moat er (ek) beskôge wurde as in boargerlik-reaksjonêre reaksje op maatskiplike belangetsjinstellingen en ferpyldering. Ien literêre gefolch is útsluting fan kultuerutering as sosjaal kommentaar en protest, om rom baan te jaan oan symbolistyske lyryk en nasjonale myte; in oar is de produksje fan in bypassende Frysk-literêre kanon.

Sa’t Terry Eagleton sjen litten hat: it is net mooglik om it oanwizen fan wat al en net literatuer is, of goede literatuer, te skieden fan ‘our own concerns’, wat safolle betsjut as

that the so-called ‘literary canon’, the unquestioned ‘great tradition’ of the ‘national literature’, has to be recognized as a construct, fashioned by particular people for particular reasons at a certain time. There is no such thing as a literary work or tradition which is valuable in itself, regardless of what anyone might have said or come to say about it.Terry Eagleton, Literary theory. An introduction. Second edition (4e pr., Blackwell, Londen 2003), s. 10.

Under literêre wearde-oardielen dy’t definiearje wat al en net literatuer is, leit altyd in meibepalende sosjale ideology, seit Eagleton, wêrby’t er ideology sjocht as ‘modes of feeling, valuing, perceiving and believing which have some kind of relation to the maintenance and reproduction of social power’.Terry Eagleton, Literary theory. An introduction. Second edition (4e pr., Blackwell, Londen 2003), s. 13. Dat betsjut foar de literatuerwittenskip dat elke kanon in achter- of ûnderkant kant hat, fan wurk dat de dominante ideology om ien of oare reden net goed útkaam. Tagelyk hâldt dat yn dat literêre weardetakenning net fêstlizze kin foar alle tiden. Der hat in tiid west dat Douwe Kalma gou as in grut dichter, om mar in sprekkend foarbyld te neamen.

Dy tiid hat Meint Rozenga net mear meimakke. Krektlyk as er net mear meimakke hat dat der yn Nederlân algemien kiesrjocht foar mannen (1918) en foar froulju (1920) ynfierd waard – in polityk rjocht dêr’t er o sa foar skrept en praat en spile hat, yn ’e perioade 1888-1892 mar ek noch yn 1901, bygelyks yn ‘Oost-Indisch doof’ út Nieuwe voordrachten:

Algemeen stemrecht moet er komen,

    Dat is een eisch des tijds, voorwaar!

Niet alleen mannen zullen ’t weten,

    Neen, ook de vrouwtjes staan reeds klaar!

Als zij haar invloed ook doen gelden

    Dan zijn we spoedig uit de knel;

En als voldaan wordt aan ’t verlangen,

    Ik mag het lijden, ’t is mij wel!M. Rozenga, Nieuwe voordrachten (Van der Velde, Ljouwert 1901), s. 44.

Al sil der noch wol hiel wat wetter troch de Rijn moatte foar’t it safier is, seit er dan yn it parlando, want foar de saak fan it algemien kiesrjocht binne noch fierstente folle manlju ’Oost-Indisch doof’. Hy hat ek maklik tinke kinnen dat de wrâld dôf bliuwe soe foar him, ek al luts er in tal jierren noch sa folle publyk. Lit ús dan wól nei syn lûd harkje. En as Goffe Jensma, J.B. Schepers yndachtich, mei entûsjasme de ferskining of weromkomst fan de meartalige dichter yn de Fryske literatuer begroetet,Goffe Jensma, ‘Meartaligens en autonomisearring fan de Fryske literatuer om 1900 hinne’, Us Wurk 66 (2017), s. 160. dan is dat noch in ekstra reden om Meindert Rozenga net te ferjitten.

De antysemyt

’k Bin antysemyt, en ik wol it wol witte,

    De Joaden te haatsjen, ik kin it net litte;

En ’k sis faak: „Och, wien’ wy dy naasje mar kwyt!

    It giet sa ferkeard mei ús lyts Néderlantsje,

Wy geane fallyt, ja, wy sitt’ al op ’t rantsje,

    En dat troch de Joaden, seit d’ antysemyt!

    En dat troch de Joaden, seit d’ antysemyt!

De hannel yn ’t grut en de lytse negoasje,

    Hja pakke mar yn, en dat kin net, jandoasje!

Al skreppe wy noch sa, it helpt ús gjin byt.

    Al wolle wy rinne en drave as slakken,

Hja hawwe it dochs altyd al earder te pakken. –

    Dat kin net, dat mei net, seit de antysemyt.

    Dat kin net, dat mei net, seit de antysemyt.

Har breinkaskes binne meast aardich yn oarder;

    Us harsens, ik leau wol, dy binne wat toarder;

Hja leare en studearje mei iver en flyt, -

    En kinne de heechste ryksposten sa krije;

As ik mar ris baas wie, dan woe ’k dat net lije,

    Dan bleaune dy posten foar de antysemyt!

    Dan bleaune dy posten foar de antysemyt!

De Joaden, hja kinne meast tige skoan prate;

    Om dêr tsjin te haff’ljen, dat sil ús net bate.

Ik woe ’t har ferbiede foar no en altyd!

    Yn ús foarnaam selskip dan moasten hja swije

En oars koene hja boete of tichthûsstraf krije;

    It wurd heart allinne oan de antysemyt!

    It wurd heart allinne oan de antysemyt!

Ik bin it alhiel iens mei domeny Stokfis,De ferwizing is hjir nei de luterske teolooch en hofkapelaan fan keizer Wilhelm II, Alfred Stoecker (1835-1909), de firulint-antysemityske stifter fan de Christlich-soziale Partei (1878) dy’t de Dútse arbeiders besocht te winnen foar it konservatyf-kristlik tinken en wei te hâlden fan it sosjalisme. Yn neifolging fan Luther tocht Stoecker dat in goede kristen te wêzen betsjutte de joaden te haatsjen. Sjoch Jeremy Telman, ‘Adolf Stoecker: Anti-Semite with a Christian Mission’, Jewish History 9-2 (Fall, 1995) s. 93-112; Harold Green, ‘Adolf Stoecker: Portrait of a Demagogue’, Politics and Policy 3-1 (March, 2003) s. 106-129. It werklike doelwyt fan Rozenga kin hjir hiel goed Abraham Kuyper (1837-1920) wêze, de stifter en lieder fan de Anti-Revolutionaire Partij, dy’t net frij wie fan kristlik antysemitysk tinken en in skoft lang mei Stoecker korrespondearre. Sjoch R. Kuiper, ‘Een antirevolutionair afscheid van Duitsland. Abraham Kuyper (1837-1920) en Adolf Stoecker (1835-1909)’, Tijdschrift voor Geschiedenis 111 (1998) s. 220-243; Henk te Velde, ‘Populisme & democratie – het geval Abraham Kuyper’, webside ChristenUnie <https://wi.christenunie.nl/page/43159>, ’Hij volgde uiteindelijk niet het voorbeeld van de Duitse christelijk-sociale antisemitische beweging van Adolf Stöcker, maar dat was minder uit principe dan omdat die aanpak in Nederland niet werkte.’ En Bart Wallet, ‘Waarom het antisemitisme uiteindelijk niet aansloeg in de Nederlandse christelijk-sociale traditie’, Sooqi 1-3 (2016). Website: <https://research.vu.nl/ws/portalfiles/portal/1538643>. Mei tank oan Friduwih Riemersma.

    Dy man út Berlyn het it goede wol foar, wis:

De Joaden it lân út wie altyd syn wyt.

    En wie dat yn Nederlân mar te ferkrijen,

Dan wiene wy dalik út earmoed en lijen.

    En kaam der wat romte foar de antysemyt.

    En kaam der wat romte foar de antysemyt.

’k Bin antysemyt en ik wol it wol witte,

    De Joaden te haatsjen, ik kin it net litte;

En ’k sis faak: „Och wien’ wy dy naasje mar kwyt!”

    En oft ik fan geastlike heechmoet net sjen kin,

En dommer as dom, ja sa dom as in barch bin, -

    Ik bin en ik bliuw dochs in antysemyt!

    Ik bin en ik bliuw dochs in antysemyt!

Noaten

  1. Bouke Oldenhof, ‘Van steen des aanstoots tot boegbeeld. Toneel, kleinkunst, film vanaf 1860’, yn: Teake Oppewal e.o., Zo lang de wind van de wolken waait. Geschiedenis van de Friese literatuur (Bert Bakker, Amsterdam 2006), s. 270.
  2. Dan Ben-Amos, ‘Toward a definition of folklore in context’, Journal of American Folklore 84-331 (1971), s. 3-15.
  3. Basearre op it tinken fan Gramsci oer folkskeunst. Bruce Grelle, Antonio Gramsci and the question of religion. Ideology, ethics, and hegemony (Routledge, Londen/New York 2017) s. 35: ‘Gramsci most often used the term “folklore” to embrace the popular culture of subordinate groups in society and their interpretations of everyday experience at their own intellectual, moral, and religious level’. In nijsgjirrige behanneling fan Gramsci’s ideeën oer folkloare yn: Stephen Olbrys Gencarella, ‘Constituting folklore. A case for Critical Folklore Studies’, Journal of American Folklore 122-484. Spring 2009, s. 172-196.
  4. J.P. Wiersma, ‘Ien en oar oer Meint Rozenga’, It Heitelân 8 (1926), s. 621-624.
  5. Woudman [ps. fan Wigger Arnoldus van der Meulen], ‘Fryske Winterjoune-nocht, Rozenga en Molenaar IV. 1895-1899’, Nieuwsblad van Friesland (29 april 1932); ‘Fryske Winterjoune-nocht, Rozenga en Molenaar III. Een kind van de mei’, Nieuwsblad van Friesland (22 april 1932); ‘Fryske Winterjoune-nocht. Rozenga en Molenaar II. In memoriam’, Nieuwsblad van Friesland (15 april 1932). Sjoch ek de oanfolling fan J. Nieuwenhuis, ‘Fryske Winterjounenocht Rozenga en Molenaar’, Nieuwsblad van Friesland (22 en 27 april 1932).
  6. J.J. Kalma, ‘Meindert Rozenga. In reade skoalmaster rekket oan de drank’, It Beaken 37 (1975) s. 386-398.
  7. J. Nieuwenhuis, ‘Fryske Winterjounenocht Rozenga en Molenaar’, Nieuwsblad van Friesland (22 en 27 april 1932).
  8. C. Wielsma, M. Rozenga, D.H. Zijlstra, S. v.d. Burg en Jm. Nieuwenhuis, Fryske foardrachten en sankjes (Van der Velde, Ljouwert 1895).
  9. O.H. Sytstra, ‘Oan de ljeafhabbers fen it Frysk!’, Leeuwarder Courant (29 novimber 1895).
  10. Woudman, ‘Fryske Winterjoune-nocht, Rozenga en Molenaar IV. 1895-1899’, Nieuwsblad van Friesland (29 april 1932): ‘(..) in de opkomende sociale strooming dier dagen, hield men dit zooveel mogelijk vrij van politieke smetten. Onder eigen werk werd daartoe een schifting gehouden.’
  11. J.J. Hof, ‘Meindert Rozenga’, Leeuwarder Advertentieblad (kopy s. datum, 1921, Kolleksje knipselmappen FLMD, Tresoar).
  12. Wiersma (1926).
  13. S.J. van der Molen, ‘”En ús Harke mei syn kleare klop’. (65 jier Fryske Winterjûnenocht) (Lykele Jansma, Stynsgea/Stifting FFYRUG, Grins 1984), s. 93.
  14. C. Wielsma, M. Rozenga, D.H. Zijlstra, S. v.d. Burg en Jm. Nieuwenhuis, Fryske foardrachten en sankjes (Van der Velde, Ljouwert 1895).
  15. C. Wielsma, M. Rozenga en S. Molenaar, Fryske Winterjounenocht. Foardrachten en sangen (Van der Velde, Ljouwert 1897).
  16. M. Rozenga, Fryske foardrachten (Van der Velde, Ljouwert 1901).
  17. Ib., s 41.
  18. M. Rozenga, Nije Fryske foardrachten (Van der Velde, Ljouwert 1901) en M. Rozenga, Nieuwe voordrachten (Van der Velde, Ljouwert 1901).
  19. Sjoch Abe de Vries, ‘De histoarje fan de duvel en Watse Klop. Waling Dykstra, in folksferhaal en de skoalstriid yn Noard-Fryslân, Fers2 3-5 (12 maart 2017). <http://www.fers2.eu/de-histoarje-fan-de-duvel-en-watse-klop/>. Krigen 5 jannewaris 2018.
  20. T., ‘Simke Molenaar, âld-foardrager út Grou’, Leeuwarder Courant (10 jannewaris 1953).
  21. [J.J. Hof], ‘Verval van kunstsmaak’, Nieuwsblad van Friesland (6 septimber 1902).
  22. Ut oantekenskriften fan Molenaar, oanhelle by Van der Molen (1984), s. 102.
  23. Sjoch Kalma (1975).
  24. Bygelyks by in gearkomste fan it kiesrjochtbûn yn Ljouwert ûnder lieding fan Oebele Stellingwerf dêr’t ta de oprjochting fan de Volkspartij besletten wurdt. Yn it skoft droech Rozenga ‘een paar humoristische zangstukjes’ foar ‘ten genoegen der aanwezigen’. ‘Binnenland’, Recht voor allen (25 septimber 1890).
  25. Almanak voor de Volkspartij in Friesland 1892 (H.J. Poutsma, Sneek). Under redaksje fan Troelstra. Oare meiwurkers û.o. Vitus Bruinsma, Oebele Stellingwerf, Rindert van Zinderen Bakker, Tjepke Nawijn, Tjeerd Stienstra.
  26. Sit. yn Woudman, ‘Fryske Winterjoune-nocht. Krips en Molenaar XIII’, Nieuwsblad van Friesland (24 juny 1932).
  27. Sit. yn D.M. van der Woude, ‘Ut ’e lapekoer’, Leeuwarder Courant (31 augustus 1972).
  28. ‘Binnenland’, Recht voor allen (1 desimber 1891).
  29. ‘Binnenland’, Recht voor allen (30 desimber 1891).
  30. ‘Openbare Vergadering’, Leeuwarder Courant (15 jannewaris 1892).
  31. ‘Binnenland’, Recht voor allen (5 maart 1892).
  32. Kalma (1975), s. 394.
  33. Ib., s. 387: ‘in hwat singulier, mar geleard man, immen, dy’t it Kristlik leauwe bisocht to bilibjen. Der is reden om oan to nimmen, dat Rutgers op de jonge Meint noch al hwat ynfloed útoefene hat. De saneamde “Grinzer” rjochting, dêr’t dûmny ta bihearde, hat, trou oan de opfetting “Net de leare, mar de Hear”, in bulte klam lein op praktysk Christendom.’
  34. Jan Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse (1e pr. 1938; Laverman, Drachten 1957) makket oan Rozenga gjin wurden smoarch mar rint wei mei de pas yn ’e tweintiger jierren publisearre gedichten fan Rutgers, s. 171: ‘It is meast ienfâldige, oprjochte religieuze poëzij, mei faek in mystike toan. Sa past de namme fan “Frederike fan Hallum” net iens sa min by dy fan abt Frederik, stifter fan it kleaster Mariëngaard.’
  35. ‘Binnenland’, Recht voor allen (16 desimber 1892). Ut in rektifikaasje yn Recht voor allen (23 desimber 1892) wurdt dúdlik dat it Rozenga wie, net syn anonime opponint, dy’t foar ôfskaffing fan it priveebesit pleite.
  36. Kalma (1975), s. 395.
  37. ‘M. Rozenga’, Nieuwsblad van Friesland (4 desimber 1901). Utlittingen fan K. Groenewoud oernommen út in artikel yn De Volksstrijd, it blêd fan SDAP-mei-oprjochter Schaper.
  38. Kalma (1975), s. 395.
  39. Adfertinsje yn Leeuwarder Courant (8 augustus 1891).
  40. Adfertinsje yn Leeuwarder Courant (25 febrewaris 1898).
  41. Adfertinsjes yn Leeuwarder Courant (13 april 1891) en Leeuwarder Courant (20 maart 1893).
  42. ‘Strijdpenning’, Recht voor allen (11 novimber 1892).
  43. Recht voor allen (12 juny 1892).
  44. ‘Werkeloosheid’, Recht voor allen (28 desimber 1892). Faaks mei men dêryn de hân fan Fontein werkenne, dy’t doe foarsitter wie fan de Fryske Maatskipppij fan Lânbou.
  45. Kalma (1975), s. 387: ‘Faaks hat dizze man, de heit fan de letter bikende Ljouwerter master en sanglieder Rommert Metzlar, de leafde ta de sang by him oansterke.’
  46. ‘Uit de provincie’, Leeuwarder Courant (22 novimber 1897).
  47. Nederlandsche Staatscourant (21 novimber 1898).
  48. ‘Schoolnieuws’, De Standaard (22 novimber 1898).
  49. ‘Aanbestedingen’, Leeuwarder Courant (19 juny 1901). Nei de bou fan in twadde kristlike legere skoalle, no fan de Ned. Herf. rjochting yn 1912, hat de iepenbiere skoalle yn Marrum it op termyn net rêde kinnen. Dy gie ticht yn 1933.
  50. ‘Lager onderwijs’, De Telegraaf (8 oktober 1901): ‘Verleden week zijn in Friesland opnieuw twee bijzondere (chr. nat.) scholen geopend, de eene te Hemelum, in Hemelumer Oldephaert en Noordwolde, de tweede te Marrum, Ferwerderadeel. Hierdoor is het getal bijzondere scholen in Friesland geklommen tot 134, tegen 344 openbare.’
  51. De Stienser skoalmaster en skriuwer O. Nieuwenhuis hâldt op 7 jannewaris 1902, noch gjin twa moanne nei de dea fan Rozenga, foar de Vereeniging tot het Houden van Volksbijeenkomsten yn Stiens in lêzing oer it ûnderwerp byleauwe. Leeuwarder Courant (10 jannewaris 1902): ‘Hij liet uitkomen, hoe het bijgeloof afneemt, dank zij den geest van onderzoek en de ontwikkeling, hoe het echter nog volstrekt niet is uitgeroeid, hoe reeds de “Halbertsma’s” het aan de kaak stelden, en ook de kort geleden zoo noodlottig omgekomen declamator Rozenga in “it bitsjoende bern” den strijd aanbond.’
  52. Leeuwarder Courant (5 febrewaris 1900). Syn útjouwer Van der Velde wie siktaris fan de krite.
  53. Leeuwarder Courant (19 febrewaris 1900).
  54. Leeuwarder Courant (21 maart 1900).
  55. Leeuwarder Courant (31 desimber 1900). Ferslachje yn Leeuwarder Courant (5 jannewaris 1901); ‘voor een tamelijk talrijk publiek de bekende Friesche dichter en voordrager. (..) Op het programma kwamen o.m. twee lezingen voor, waarvan vooral de eerste, “it betsjoende bern”, bijzonder in den smaak viel. Uit de herhaalde toejuiching bij de verschillende stukken bleek, hoezeer de voordracht bewonderd en gewaardeerd werd. ’t Was een echte Fryske joun.’
  56. Leeuwarder Courant (11 maart 1901).
  57. Leeuwarder Courant (5 april 1901).
  58. Leeuwarder Courant (22 july 1901).
  59. Leeuwarder Courant (30 oktober 1901).
  60. Leeuwarder Courant (15 novimber 1901).
  61. ‘Gemengd’, Het Volk (28 novimber 1901).
  62. Sitearre yn: ‘M. Rozenga’, Nieuwsblad van Friesland (4 desimber 1901).
  63. ‘Gemengd nieuws’, Het nieuws van den dag (22 novimber 1901).
  64. Adfertinsje, Leeuwarder Courant (2 april 1902): ‘N.B. Uit de opgemaakte rekening blijkt, dat buiten kosten van boedelredding en begrafenis, niets kan worden voldaan.’ De inventaris fan Rozenga wie al op 7 febrewaris opmakke. Boarne: Minuut-akten 1902, archiefnummer 26, Notarieel archief - Tresoar, inventarisnummer 115078, aktenummer 02175. Gemeente: Idaarderadeel. Periode: 1902.
  65. Antje Aukes de Vries (1841, Hallum) tr. 1865 mei Eelsingh; stjert 5 septimber 1900.
  66. Liekele Bijlsma, ryksfjildwachter te Stiens, deselde dy’t earder ûndersyk nei de Hogerhuzen dien hie. Bijlsma docht op 20 novimber tegearre mei Eelsingh oanjefte fan it ferstjerren fan Rozenga by de gemeente Ljouwerteradiel. Se melde dat R. stoarn is ‘te Cornjum op een stuk land’. Boarne: Overlijdensregister 1901, archiefnummer 30-23, Burgerlijke Stand Leeuwarderadeel - Tresoar, inventarisnummer 3032, aktenummer 175. Gemeente: Leeuwarderadeel. Periode: 1901. Ut in berjocht yn de Arnhemsche Courant (23 novimber 1901), oernommen út de Nieuwe Rotterdamsche Courant, blykt dat syn lyk ‘midden in een stuk land door jagers [was] gevonden’. Mar dat betreft in rektifikaasje; in dei earder hie de krante (en ûnderskate oaren) meld: ‘Uit eene sloot bij Cornjum (Fr.) is opgehaald het lijk van den bekenden Frieschen voordrager M. Rozenga, onderwijzer aan de o.l. school te Marrum’. Sa ek de Provinciale Drentse en Asser Courant (22 novimber 1901) en Het nieuws van den dag (22 novimber 1901): ‘Te Cornjum, bij Leeuwarden, is uit eene sloot het lijk opgehaald van den Heer Meindert Rozenga.’ Yn it ynterview fan 1926 yn It Heitelân seit Rinze van der Velde dat Rozenga ‘oan ’e walskant lizzen bleaun en troch de kjeld befongen’ wie, dus net ’midden in een stuk land’. Nieuwe voordrachten ferskynde by R. van der Velde te Ljouwert net yn 1902, sa’t Van der Molen skriuwt, mar binnen twa wike nei de dea fan de skriuwer. Adf. yn Leeuwarder Courant (4 desimber 1901).
  67. Publisearre yn: Teake Hoekema, ‘Meindert Rozenga syn dea’, Us Wurk XXV (1976) s. 84-85.
  68. J.J. Kalma, ‘Meindert Rozenga (Hallum 7 dec. 1854 – Kornjum 19 nov. 1901)’, yn: Biografisch Woordenboek van het Socialisme en de Arbeidersbeweging in Nederland, s. 258: ‘(verdronken 19 november 1901, onder Kornjum)’. It falt op dat Kalma yn syn Frysktalige stik yn It Beaken fan itselde jier (1975) it ferdrinken net neamt.
  69. ‘Nieuwe uitgaven’, Leeuwarder Courant (4 desimber 1901).
  70. Ben de Pater, ‘Het taboe op zelfmoord rond 1900’, yn: Anne van Buul e.o., red., Onnoemelijke dingen. Over taboe en verbod in het fin de siècle (Verloren, Hilversum 2014) s. 113-126.
  71. ‘In interview mei de hear R. v.d. Velde’, Leeuwarder Nieuwsblad (16 novimber 1926).
  72. Adfertinsje, Leeuwarder Courant (9 novimber 1897): R. en M. meitsje bekend dat oanfragen foar harren programma tenei oan Molenaar rjochte wurde moatte yn Grou, ‘dy’t him mei de briefwiksel bilestige het’.
  73. Woudman, ‘Fryske Winterjoune-nocht, Rozenga en Molenaar IV. 1895-1899’, Nieuwsblad van Friesland (29 april 1932).
  74. Leeuwarder Courant (13 desimber 1892).
  75. Boarne: www.allefriezen.nl. Yn 1903, twa jier nei de dea fan Rozenga, troude Eelsing op 63-jierrige leeftyd mei syn twadde frou Trijntje Annes Dijkstra (1881-1963), in dochter fan in Ferwerter ferversfeint dêr’t er in pear jier earder noch 800,- gûne oan útliend hie. Trijntje is 21 jier jong en swier; de poppe komt twa dagen nei it houlik op ’e wrâld. De húshâlding emigrearret yn 1919 nei Amearika. Hy is dan 80 jier. Willem ‘William’ Eelsingh ferstjert yn 1920 en leit begroeven yn Grand Rapids, Michigan. (Boarne: <https://www.findagrave.com/memorial/134748826#>, krigen 9 jannewaris 2018).
  76. Nieuwe voordrachten, s. 47.
  77. Spekulaasjes oer syn seksuele oriintaasje en dat it dúdlik wie dat der oan him ‘gjin frouljusfleis’ siet, lit ik hjir by gebrek oan ûnderstypjende ynformaasje of oanwizingen mar gewurde. Opmerking yn M.L. Dijkstra, ‘Meindert Rozenga foun syn ein yn Koarnjumer Aldlân’, Frysk en Frij (14 april 1979). Wol komt it net krije kinnen of net krigen hawwe fan in frou as motyf yn it wurk ytlike kearen foar.
  78. Sjoch ek ???
  79. Piebenga, Skriftekennisse, s. 198: ‘(..) dat ieufeest ropt nij libben wekker. Bûten Fryslân wurde der kriten of Fryske selskippen oprjochte, dat ‘om utens’ bigjint mei to spyljen. It wykblêd Sljucht en Rjucht kin op ’e nij forskine ̶ yn 1890 wie it ek al in jier bisocht ̶ en wurdt ûnder lieding fan Waling Dykstra yn de kommende jierren in kweekplak en taflechtsoarde fan de folksskriuwerij, al wurde der ek wol mear persoanlike lûden yn heard.’ In pear siden earder (s. 196) hat P. dan it Twadde Winterjounenocht, ‘dat troch stikken as “Oept en Kekke”, “In spantsje” en “Fan Ljouwert nei Jellum-Boksum” wol neijernôch karakterisearre wurdt’, al bûten de literatuer skood.
  80. Fred Six, ‘Poezie in de marge van het theatermedium’, Ons Erfdeel 24 (1981), s. 120.
  81. Sjoch ek Goffe Jensma, ‘Meartaligens en autonomisearring fan de Fryske literatuer om 1900 hinne’, Us Wurk 66 (2017), s. 153.
  82. P.J. Troelstra, ‘In nije tiid’, For Hûs en Hiem (30 septimber 1890), s. 236.
  83. Marten Hepkes Bakker, Dan krije ek de fûgels dien. Gedichten. Gearstalling en ynlieding Abe de Vries (Grotesk, Amsterdam 2016).
  84. Terry Eagleton, Literary theory. An introduction. Second edition (4e pr., Blackwell, Londen 2003), s. 10.
  85. Ib., s. 13.
  86. Nieuwe voordrachten, s. 44.
  87. Jensma (2017), s. 160.
  88. De ferwizing is hjir nei de luterske teolooch en hofkapelaan fan keizer Wilhelm II, Alfred Stoecker (1835-1909), de firulint-antysemityske stifter fan de Christlich-soziale Partei (1878) dy’t de Dútse arbeiders besocht te winnen foar it konservatyf-kristlik tinken en wei te hâlden fan it sosjalisme. Yn neifolging fan Luther tocht Stoecker dat in goede kristen te wêzen betsjutte de joaden te haatsjen. Sjoch Jeremy Telman, ‘Adolf Stoecker: Anti-Semite with a Christian Mission’, Jewish History 9-2 (Fall, 1995) s. 93-112; Harold Green, ‘Adolf Stoecker: Portrait of a Demagogue’, Politics and Policy 3-1 (March, 2003) s. 106-129. It werklike doelwyt fan Rozenga kin hjir hiel goed Abraham Kuyper (1837-1920) wêze, de stifter en lieder fan de Anti-Revolutionaire Partij, dy’t net frij wie fan kristlik antysemitysk tinken en in skoft lang mei Stoecker korrespondearre. Sjoch R. Kuiper, ‘Een antirevolutionair afscheid van Duitsland. Abraham Kuyper (1837-1920) en Adolf Stoecker (1835-1909)’, Tijdschrift voor Geschiedenis 111 (1998) s. 220-243; Henk te Velde, ‘Populisme & democratie – het geval Abraham Kuyper’, webside ChristenUnie <https://wi.christenunie.nl/page/43159>, ’Hij volgde uiteindelijk niet het voorbeeld van de Duitse christelijk-sociale antisemitische beweging van Adolf Stöcker, maar dat was minder uit principe dan omdat die aanpak in Nederland niet werkte.’ En Bart Wallet, ‘Waarom het antisemitisme uiteindelijk niet aansloeg in de Nederlandse christelijk-sociale traditie’, Sooqi 1-3 (2016). Website: <https://research.vu.nl/ws/portalfiles/portal/1538643>. Mei tank oan Friduwih Riemersma.

Sitearre wurken fan Meindert Rozenga

M. Rozenga, Fryske foardrachten (Van der Velde, Ljouwert 1899)

---, Nije Fryske foardrachten (Van der Velde, Ljouwert 1901)

---, Nieuwe voordrachten (Van der Velde, Ljouwert 1901)

---, Sjouke syn sister (Poai). Foardracht for in fromminske (Van der Velde, Ljouwert 1909)

---, Sizzen en tinken. Foardracht for ien persoan (Van der Velde, Ljouwert 1909)

---, Oept en Kekke (Sjouke syn âlden). Foardracht for in manspersoan en in fromminske (Van der Velde, Ljouwert 1909)

Meindert Rozenga en Cornelis Wielsma, Ald en nij. Foardrachten (Van der Velde, Ljouwert 1902)

M. Rozenga, C. Wielsma, S. Molenaar, Fryske winterjounenocht. Foardrachten en sangen (Van der Velde, Ljouwert 1897)

C. Wielsma, M. Rozenga, D.H. Zijlstra, S. v.d. Burg en Jm. Nieuwenhuis, Fryske foardrachten en sangkjes (Van der Velde, Ljouwert 1895)

Mear fan Abe de Vries

‘Krysttiid 1899’ of it stjonkbedriuw fan de grutten
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Keunst is altyd polityk (podcast) Gerrit Breteler oer synergy mei it publyk
It sweverige wurd ‘spiritualiteit’ (podcast) Marty Poorter wol net útlizze
Mimesis (podcast) Keunst is gjin keunstsjes, seit Elmar Kuiper
Keukenstafelpetearen de alderearste fryske keunstpodcast
De Hylkje Goinga Priis foar Frysktalige Literatuer In trochstart fan de fallite Gysbert!
De treastpoezen fan it Frysk (it frysk is sa hoopfol en de minsken snappe it net)
De sosjale kosten fan fergriemen It neoliberalisme lit jo foar alles opdraaie
1 2 3 4 5 6 7 8 9