beoardieling wurk harmen sytstra en waling dyskstra

‘Foar ús tiden net mear te brûken’

De beoardieling fan njoggentjinde-ieuske Fryske literatuer foar it Fryske folk yn 1950

Abe de Vries - Fers2 5.1, 13 jannewaris 2019

Summary

As part of a 1950s Frisian literary magazine collections’ catalogisation project, performed by the Frisian Academy and the Frisian Provincial Library, hundreds of evaluative comments to nineteenth century Frisian literary works have survived and have been digitalised. The catalogue indexing routine consisted of mentioning, on small indexing cards, the work’s specifics, and adding a short description of the subject and a quality statement. This routine resulted in a wide array of subjective commentaries. Although the purpose of the comments is unclear and although their source is anonimous, they are valuable for reader reception research, particularly against the background of cultural nationalist normativity (canonisation) in 1950s Friesland. A classification and analysis of a subset of the commentaries shows a historicising bias against nineteenth century realist works, which were undervalued, as folklore but not high art, because of their realism. More-over, most evaluating comments reflected non-literary criteria, particularly the comment ‘not useful for our times’ was highly frequent, i.e. the relevance of the specific work for future Frisian cultural politics.

Keywords: canonisation of Frisian literature, cultural nationalism, Harmen Sytstra, Waling Dykstra Fryske Akademy

In troch it Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar nei de lêste ieuwiksel digitalisearre bibliografysk kaartsysteem fan Frysk-literêre publikaasjes ûntslút foar de ûndersiker in oantal belangrike njoggentjinde-ieuske literêre tydskriften. Mar dat kaartsysteem sels is ek nijsgjirrich. It is oan it begjin fan de fyftiger jierren oanlein troch wittenskippers en frijwilligers fan it Literêr-Histoarysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy yn ’e mande mei de Provinsjale Bibleteek as ûnderdiel fan in bredere, ambysjeuze katalogisearringsoperaasje - út ein set nei it oantreden fan dr. Willem Kok as direkteur yn 1950 - rjochte op it yn kaart bringen fan alles ‘wat der oer Fryslân skreaun is’:‘Katalogus fan wat der oer Fryslân skreaun is’, Leeuwarder Courant (8 febrewaris 1951).

Der is al gâns in rige deskundigen foun, dy’t in ûnderdiel fan dit wurk op har noed nimt. Fierders moatte der jitte “frijwilligers” komme, dy’t tiid en nocht hawwe om as samler mei te dwaan. (..) Hja kinne ien of mear jiergongen yn ’e hûs krije fan sels út to kiezen tydskriften.’‘Katalogus fan wat der oer Fryslân skreaun is’, Leeuwarder Courant (8 febrewaris 1951).

It ein 1951 oprjochte Literêr-Histoarysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy, dêr’t Akademy-meiwurkers yn gearwurken mei ‘amateurs’, sneupers en leafhawwers, fette it as ‘earste wurk’ it oanlizzen fan in bibliografy fan njoggentjinde-ieuske Fryske tydskriften oan. ‘Lju mei in litteraire stúdzje mar ek oaren binne der mei te set. Meast oaren, en it gearbinende elemint is, dat men de leafde foar Fryslân hat en dêrtroch de tiid frij makket om dit wichtige wurk op te rêden.’‘Bibliografy fan Fryske skriuwers út de foarige ieu’, Leeuwarder Courant (13 maaie 1953). Der waard foar keazen om earst de njoggentjinde ieu nei te rinnen en dêrnei mei de tweintichste te begjinnen, ‘hwant oan de eardere tiden, bygelyks it Gysbert Japiks-tiidrek, is al gâns dien’.‘Bibliografy fan Fryske skriuwers út de foarige ieu’, Leeuwarder Courant (13 maaie 1953).

Mei nei oanlieding fan krityk fan Klaas Fokkema, dat de Fryske Akademy sa’n bytsje oan literatuerstúdzje die, hie it bestjoer fan de Fryske Akademy, ûnder foarsitterskip fan Jelle Brouwer, it beslút naam ta it oprjochtsjen fan it Literêr-Histoarysk Wurkferbân.Jelle Krol, ‘Santich jier de romte oan en foar ûndersyk nei Fryske literatuer by de Fryske Akademy’, Philologia Frisica Anno 2008 (Fryske Akademy, Ljouwert 2008). It idee wie ‘dat krekt de wittenskiplike kant fan de saek to min syn gerak kriget’.‘In litterair-histoarysk wurkforbân’, Ut de smidte fan de Fryske Akademy IV (novimber 1851) 9. It Literair-Histoarysk Wurkferbân is yn 2016 oergien yn it Letterkundig Netwerk. Foarsitter is dr. E. Hoekstra, siktaris prof. dr. R. Salverda. Foarsitter fan it Wurkferbân wie drs. Ype Poortinga, siktaris wie drs. Govert A.G. Meerburg. Poortinga en Meerburg stelden yn in wurkprogram ûnder mear fêst dat der Nijfryske útjeften taret wurde moasten, en neamden ek ‘it biwurkjen fan folsleine bibliografyën fan Fryske skriuwers, op deselde wize as de W.D. Stifting it foar Waling Dykstra dien hat’.‘In litterair-histoarysk wurkforbân’, Ut de smidte fan de Fryske Akademy IV (novimber 1851) 9. It Literair-Histoarysk Wurkferbân is yn 2016 oergien yn it Letterkundig Netwerk. Foarsitter is dr. E. Hoekstra, siktaris prof. dr. R. Salverda. In moanne letter hold Anne Wadman al in lêzing foar it Wurkferbân. Wadman wiisde ûnder mear op de needsaak fan in ‘bibliografy fan de 19-ieuske tydskriften (..) sa’n dokumintaesje soe elkenien dy’t stúdzje fan de Fryske skriuwerij yn dy tiid makke op weromgripe kinne’.‘Wurkforbannen kamen gear’, Leeuwarder Courant (31 desimber 1951). Sawol Sikkema as Wadman wienen yn 1951-1952 ek redakteur fan De Tsjerne.

Sa binne de bydragen oan, ûnder mear, de tydskriften Iduna (1845-1870), De Byekoer (1845-1895), De [Nieuwe] Friesche Volksalmanak (1853-1866; 1884-1899), De Fryske Húsfreon (1851-1869) en For Hûs en Hiem (1888-1895) ûnder supervisy fan Poortinga en Meerburg troch frijwilligers ynvintarisearre yn de jierren 1952-1953. Letter is dat titelkaartesysteem fan de Provinsjale Bibleteek mei oergien nei Tresoar, dêr’t de kaartteksten ynfierd binne yn in goed troch te sykjen digitale katalogus.Pers. kommunikaasje Tresoar-kolleksjefoarmer Inge Heslinga, 11 april 2017. De kaarten binne benammen nijsgjirrich om’t se net inkeld klassifisearje nei wurkgegevens, dus auteur, titel, fynplak, tekstsoart en tal siden: behalve dy gegevens jouwe se soms in koarte omskriuwing fan de ynhâld en bytiden ek in koart evaluearjend kommentaar. In foarfyld fan sa’n wearde takennend kommentaar is ‘in ferfeelsum stik’.

De kolleksje fan weardekommentaren is sels fan grutte wearde foar ynsjoch yn it ideologyske en historisearjende Fryske kultureelnasjonalistyske ramt dêr’t it katalogisearjen syn beslach yn krige, Hoe waard njoggentjinde-ieuske Fryske literatuer in ieu letter, yn ’e fyftiger jierren, yn dizze rûnte fan akademisy en frijwilligers wurdearre? Watfoar arguminten of oerwagings waarden der eventueel foar lof of krityk oantsjut? Hokker systematyk komt nei foaren? Wat wie de blik dêr’t de katalogisearders mei seagen nei har ûndersyksobjekt, hoe hiene se leard en wiene se wend te sjen, hoe is dat ôf te lieden út de kommentaren? Ynsjoch yn sokke literêre beoardielingsprosessen is fan belang foar ús kennis fan de skiednis en de dynamyk fan Fryske literêre kanonisearring yn it algemien, en foar de bydrage oan dat kanonisearringsproses fan de Fryske Akademy yn it bysûnder. Spitigernôch is de wurkopdracht oan de katalogisearders net oerlevere. Yn fierrewei de measte gefallen ûntbrekke evaluative opmerkingen, mar wêrom is net te efterheljen.De Fryske Akademy hat pas letter besletten ta in rige útjeften út de Fryske njoggentjinde-ieuske literatuer, de Iduna-rige. De redaksje bestie yn de sechstiger jierren út Klaas Siebe Katsma, Ype Poortinga en Goasse van der Woude. Kfm. Douwe Tamminga, ‘Skerper sicht op dynamysk libben’, De Tsjerne 22 (1978) 38. De earste útjefte yn de rige wie Y. Poortinga, gst. en ynl., Op ’e drompel fan de romantyk. Blomlêzing út ’e Fryske skriftekennisse oer de jierren 1822-1836 (Laverman, Drachten 1962); de twadde H.G. van der Veen, De kaertlizzer (Laverman, Drachten 1965).

Yn it algemien sprutsen, hearske oan de Fryske Akademy sterk it idee dat it ynstitút wurke yn tsjinst fan ‘it Fryske folk’. Sa makke it frijwilligerswurk dat ferset waard, direkteur dr. Willem Kok ‘bliid ta dit folk to bihearren’.W. Kok, ‘Kultureel libben yn Fryslân yn 1956’, Leeuwarder Courant (29 desimber 1956): ‘Mear as 30 manlju en froulju komme nou alle wiken in moarn of in middei op it Coulonhûs om forgees by it wurk to helpen. Dat wie yn in pear wike regele en soks tipearret Fryslân dochs ek wer. Dit betsjut in kultureel hichtepunt en makket jin bliid ta dit folk to bihearren. It bitsjut ek dat in great stik wurk, dat oan ’e Akademy foar Fryslân dien wurdt, fan in 7 à 8 jier ta 3 jier of minder werombroch wurde kin!’ Foarsitter prof. dr. J.F. Koksma konkludearre weromsjend dat de Akademy yn syn tweintichjierrich bestean ‘tige meiholpen [hat] by it proses fan de geastlike forheffing fan it Fryske folk’.‘De Fryske Akademy (20 jier) hat syn plak goed skjinmakke’, Leeuwarder Courant (1 septimber 1958). It doel fan geastlike ferheffing fan ‘it folk’ wjerspegelet in âlderwetske (njoggentjinde-ieuske) paternalistyske maatskippijfisy, fundearre op geastesadel en de seedlike ferheffing fan de legere klassen troch skjintme. Men freget jin ôf oft seedlike skjintme, minsklike deugdsumens, yndie de mjitstêf wie by it beoardieljen fan de wurken. Is seedlike ferheffing, as spesifike útwurking fan it Fryske kultuernasjonalisme, werom te kennen yn it kaartsysteem?

Yn dit artikel wol ik neigean wat de evaluative notysjes sizze oer de publikaasjes fan Harmen Sytstra yn Iduna (1845-1862) en fan Waling Dykstra yn De Fryske Húsfreon (1851-1869). Beide wiene behalve skriuwer, dichter en kultureel kommentator ek samler fan har ‘eigen’ tydskrift, en beide hawwe sels hûnderten bydragen levere oan harren tydskrift. Tsjin Harmen Sytstra (1817-1862), literatuerpionier, romantysk dichter en protonasjonalistysk skriuwer, is yn de Fryske skriftekennisse altyd heech opsjoen, al jouwe de hânboeken nei de Twadde Wrâldoarloch oan him en syn wurk minder romte as earder wol. Waling Dykstra (1821-1914) wie ûnder in breed publyk bekender mar as skriuwer – net as taalstrider – ek kontroversjeler. Nei syn dea yn 1914 waard syn wurk troch in jongere generaasje skriuwers oan kant skood as âlderwetsk en net mear beantwurdzjend oan de literêre easken fan de tiid. Dalik nei de Twadde Wrâldoarloch ûntstie wer nije belangstelling foar it wurk ûnder ynfloed fan de útjeftes fan de doe tige aktive Waling Dykstra Stifting. De nije literêre tydskriften De Tsjerne en Quatrebras bestegen der lykwols amper mear oandacht oan. Wol mocht Jan Wybenga noch graach ferhelje hoe’t syn pake him eartiids foarlêzen hie út de Thyl Ulespegel en hoe’t dat syn Frysk mei foarme hie.Jan Wybenga, ‘Doarpspraet fan bakker Ulespegel’, De Tsjerne 8 (1953) 172-175.

De katalogisearring fan de Fryske njoggentjinde-ieuske tydskriften hie begjin fyftiger jierren, sa’t wy al seagen, plak yn in sterk kultuernasjonalistysk en modernistysk angehaucht literêr klimaat. De literatuerskiednis fan de njoggentjinde ieu waard algemien à la Douwe Kalma lêzen as in tarieding op it trochbrekken fan moderne noarmen en de Frysk-nasjonale idee om de Earste Wrâldoarloch hinne. Yn dat tinken waard Harmen Sytstra as in ‘wekker’ en foarrinner sjoen. Sa seagen Eeltsje Boates Folkertsma en Jan Piebenga, kopstikken út de kristlike Fryske beweging yn it ynterbellum, der nei.Jan Piebenga, ‘Byld fan trije foargongers’, De Tsjerne 17 (1962) 322: ‘As it Frysk yn de blaukile fan de Halbertsmastavering rinne moat, bliuwt it “boersk”. In tûke dy't syn libbenskrêft net út de âlde stamme sûcht, fortoarret en falt ôf. De romantyk is as réaksje op it centrifugale rationalisme dúdlik centripetael: dêrom sjogge [Tiede] Dykstra en [Harmen] Sytstra Great-Fryslân wol, wylst ien as Waling Dykstra der blyn foar bliuwt. Foar de twa freonen hingje stavering, taelstriid en folksbisef ûnforbrekber gear.’ De literatuerskiednis as gehiel waard ek nei de Twadde Wrâldoarloch, à la Wadman, noch altyd lêzen as in modernistysk ferhaal oer foarútgong.Bygelyks yn Anne Wadman, ‘It dichterskip mei it figeblêd’, yn: Ib., Kritysk konfoai (Laverman, Drachten 1951) 139: ‘Ik haw de folksdichter steld as yndie in dichter (taelbiwurker yn rym en mjitte, soe men sizze kinne), mar mei in psychysk tokoart, sjoen fan de kultuer út wei. De moderne folksdichter as it psychologysk foarstadium fan de moderne “echte dichter”. It folksdichterskip as it kultureel foarstadium fan it “echte dichterskip”.’ Literatuer út it ferline wie mar al te faak ferfeelsume, iendiminsjonale ‘folksskriuwerij’ yn de trant fan Waling Dykstra, in breaskriuwer dy’t eins inkeld noch wurdearre wurde koe fanwege syn fertelkeunst en geve taal.A. Feitsma, ‘The Frisian native speaker between Frisian and Dutch’, yn: D.J. van Alkemade et.al., red., Linguistic studies offered to Berthe Siertsema (Rodopi, Amsterdam 1980) 337: ‘I assume that we intuitively think the 19th century popular writer Waling Dykstra so authentic, so typically Frisian because he uses so many of these specific Frisian words and phrases, and at the same time keeps well within the existing limits of their range of action.’

Taalpolitike belangen skreauwen boppedat foar dat it measte omtinken op de Fryske Akademy net útgie nei literatuer, mar nei it wurk oan wat letter it Wurdboek Fryske Taal wurde soe. Om 1960 hinne lieken Harmen Sytstra mar foaral Waling Dykstra dus fierder weisakke as ea tefoarren. Wa’t de katalogisearders krekt west hawwe yn it tydskrifteprojekt is my noch net rjocht dúdlik wurden. Op in pear kaartsjes is it kommentaar ûnderskreaun mei de inisjalen ‘hw’ of ‘tm’. Dat sille twa fan de frijwilligers fan it Literair-Histoarysk Wurkferbân west hawwe.

De evaluative opmerkingen

It yn kaart bringen fan de bydragen oan de te katalogisearjen tydskriften bestie út it notearjen fan titel, tekstsoart (proaza, rymstik, rymke, koartswyl, lêzing), nûmer fan de earste bledside, it tal siden dat de bydrage besloech, en út en troch oft it om in neifertelde of oersettte tekst gie en oft de tekst ek bekend wie út letter sammelwurk. (Nei 1855 waard foar wat Iduna oanbelanget dy systematyk sûnder opjefte fan reden loslitten en waarden inkeld sa út en troch gearfettingen jûn.)

Wat de oan Harmen Sytstra taskreaune publikaasjes yn Iduna oangiet, giet it neffens de Tresoar-katalogus (minus dûbelingen) om 390 teksten; oan njoggen dêrfan (2 persint) hawwe de ûndersikers in krityske, itsije positive of negative, koarte wurdearring jûn (sjoch Tabel 1). Wat Waling Dykstra yn De Fryske Húsfreon oanbelanget, giet it om 478 teksten. Oan mar leafst 67 fan dy teksten (14 persint) hawwe de ûndersikers in koarte wurdearring jûn (sjoch Tabel 2). De meast brûkte wurden dêrby binne ‘aardich’, ‘nuver’ en ‘ûngeskikt’. Op fierrewei de measte kaartsjes fan beide auteurs stean sokke oantekeningen lykwols net; de oanbelangjende teksten joegen dêr blykber gjin oanlieding ta of wiene sa bekend dat fierder kommentaar oerstallich like.

Tabel 1. Positive of negative wurdearring fan de publikaasjes fan Harmen Sytstra yn it tydskrift Iduna

Jiergong Publikaasjes Posityf Negatyf
1845 45 - -
1846 29 - -
1847 26 1 -
1848 44 2 2
1849 34 - 2
1850 26 - -
1851 24 - 1
1852 24 - -
1853 31 - -
1854 6 - -
1855 17 - -
1856 13 - -
1857 29 - -
1858 9 - -
1859 6 - -
1860 17 - 1
1861 7 - -
1862 3 - -
Meinr. 390 3 6

Priizgjende kommentaren binne ûnder mear ‘in treflik dicht, yn ’e trant fan Tollens’ by it lange histoarjegedicht ‘Bauk Hemmema 1496’, ‘Foar dy tiid in tige knap artikel’ by it bekende ‘Wurd oan ús lânslju’, en ‘dat him noflik lêze lit’ by it ferhaal ‘Ut te gast’. Negative kommentaren binne ‘sentimenteel lietsje’ by it fers ‘It blynberne boike’, ‘Nei hjoeddeiske opfettingen frijwat efter de tiid’ by de moraalpreek ‘In bytsje rûchkalt oer minskene goed en kwea’, ‘in frjemd rymke’ by it fers ‘Skipper Amsmad’, ‘Foar hjoed soe de parse dit wol net opimme wolle’ by it ferhaaltsje ‘Bêdtiidsoertinking’, en ‘tige ferfeelsum’ by it lange gedicht ‘Robert en Anke’. Lof komt del op: treflik / tige knap / noflik. Krityk is der as: sentimenteel / efter de tiid / frjemd / foar hjoed net geskikt / ferfeelsum. It giet mar om njoggen kwalifisearre teksten op in totaal fan 390; de wurdearring of krityk sil tafallich utere wêze. Hast alle teksten fan Sytstra binne katalogisearre sûnder fierder kommentaar. Mar dat is by de teksten fan Waling Dykstra yn De Fryske Húsfreon oars.

Tabel 2. Positive of negative wurdearring fan publikaasjes fan Waling Dykstra yn De Fryske Húsfreon
Jiergong Publikaasjes Posityf Negatyf
1851 19 5 -
1852 42 - -
1853 33 2 2
1854 40 4 3
1855 30 2 -
1856 41 1 2
1857 23 3 -
1858 18 3 2
1859 21 2 1
1860 34 5 3
1861 20 3 1
1862 22 2 1
1863 24 2 -
1864 23 5 -
1865 27 2 3
1866 16 3 -
1867 20 - 1
1869 25 2 2
Meinr. 478 46 21

Noat. De jiergong 1868 is net katalogisearre.

Oan de debetside komt men hjir de folgjende opmerkingen tsjin: jout in goed oersjoch / de smoute ferteller dy’t de tastannen yn ’e lytse doarpen tige krekt oanfielt en ek wit hoefier’t er dêr mei gean kin / handich / moatte de doetiidske lêzer wol oan it tinken brocht hawwe / in spannend ferhaal / tige spannend skreaun / aardich berime / humoristysk beskreaun / typysk W.D. / echt W.D. / spannend ferteld / smout ferteld / ûnderhâldend ferteld / mei in flok yn floeijende rym en rhytmus fan W.D. besongen / in moai puntdicht / dat men mei nocht lêst / in ynteressant ferhaal / nijsgjirrich / in aardich ferhaaltsje / in aardich en boeiend ferhaal / in aventuerlik ferhaaltsje / in aardich rymke / wit it snedich te sizzen / in aardige lêzing, dy’t mei in lytse feroaring hjir en dêr ek hjoed noch brûkt wurde koe / in aardich oersjoch oer de deistige problemen fan dy tiid / in aardich sketske / mei moaie wurden / mei treflike wurden / mei in aardige moraal / jimmer goed fersoarge / jimmer de muoite fan it lêzen wurdich.

Oan de kreditkant treffe wy oan: lugubere skiednis / út ’e tiid / nuver ferhaal / foar ús tiden net mear te brûken / aventuerlik mar ûnwierskynlik / luguber, leech by de grûn en út ’e tiid / in nuver teltsje / mar in optinksel / plat en ûnlogysk / tige plat en leech by de grûn / foar it hjoeddeiske per se ûngeskikt / ryklik plat en primityf / in dramatysk ferhaal net rjocht yn ’e styl fan Walingomme / is tige ferfeelsum om te lêzen / net in botte heechsteand ferhaal / in nuver en luguber teltsje en foar ús tiden totaal ûngeskikt / in wat nuvere útiensetting / frijwat ferfeelsum en my tinkt W.D. op syn minst / humoristysk doe mar no út / it measte derfan past net mear yn ús tiid / foar ús tiid net mear sa geskikt / ien fan syn minste ferhaaltsjes / tige ferfeelsum en langwilich / dat is nou safolle feroare dat it dêrom foar hjoed al net mear brûkber is, heechstens historysk.

Om mear reliëf en skerpte te krijen yn mooglike redenen foar in posityf of just negatyf wurdearjend kommentaar, gean ik yn it neifolgjende earst djipper yn op de teksten fan Dykstra dy’t útdruklik as ‘út de tiid’ oanmerke wurde, dêrnei op de as tige posityf beoardiele teksten. Ik belûk de kwalifikaasjes fan Sytstra’s teksten dêr fierder net by om’t it mar in lyts oantal betreft.

‘Net mear sa geskikt’

As út de tiid en langer net geskikt foar de mid-tweintichste-ieuske lêzer binne fan Waling Dykstra yn it kaartesysteem tsien teksten (njoggen ferhalen en in lêzing) oanwiisd. De titels binne ‘Wat froulju al net útfine kinne’, ‘Balthasar Bekker en de jongfeint te Frjentsjer’, ‘In stellerij to Londen’, ‘In echtskieding’, ‘Hoe’t Reitseboer syn wiif en in doarpslju foar ’t soaltsje hie’, ‘Fan in widdo te Efesen’, ‘Wêrom’t Abraham Readneil noch gjin wiif hat’, ‘Wêrom’t Japik net trout’, ‘Mynhear Lot’ en ‘Foarlêzing oer nut en nocht’. Is dêr in reade tried yn te bespeuren, is dan de fraach.

‘Wat froulju al net útfine kinne’ is in ferhaal fan acht siden oer in jongfaam dy’t der trije frijers op neihâldt dy’t gading oan har meitsje wolle. Mar se wol mei net ien fan harren en nimt har oanbidders te fiter troch se midden yn ’e nacht nei it tsjerkhôf te stjoeren, elk mei in opdracht dêr’t de oar neat fan wit. De te kakken sette jongkeardels sjocht se net wer werom, mar sels rekket se ek út ’e graasje: har hannelwize makket dat nije frijers net mear komme. Sa rekket se yn ’e bedelte. De notysje skriuwer fan de Akademy hat it oer in ‘spoekeferhaal, lugubere skiednis oer Riste op in tsjerkhof, nachts om 12 oere, skimmen dy’t dêr om hinne slûpe en soks mear. Ut ’e tiid’. Mar it giet hielendal net oer spoeken, it is in klucht mei in dúdlike moraal: de jongfaam hat har ûngelok oan harsels te witen.

‘Balthasar Bekker en de jongfeint te Frjentsjer’ is, op de koarte yn- en útlieding fan Dykstra nei, in ferfryske neifertelling fan haadstik 9 út boek 4 fan Bekkers De betoverde wereld en ferhellet fan it kontakt fan de Frjentsjerter dûmny en ferneamd bestrider fan byleauwe mei in jonge dy’t folhâldt dat er út en troch ûnder ynfloed stiet fan Beëlzebub. Tegearre meitsje se op in simmerdei in kuier fan Frjentsjer fia Winaam nei seedyk, dan nei Harns en fia de ‘rydwei’ iwerom. Underweis stekt Bekker hiel wat op oer de sike jonge. It kommentaar fan de Akademyskriuwer ferswijt dat it om in oersetting giet en docht krekt as is it ferhaal fan Dykstra sels: ‘in nuver ferhaal, mear oer ‘De jongfeint’ as oer B.B., dêr’t sprake is oer de ‘diwil, Beelzebub’ et. Foar ús tiden net mear te brûken.’ Men moat dan dochs ek efkes tinke oan de reboelje ûnder in part fan de ortodokse befolking fan Spannum oer de skriuwerij fan har doarpsgenoat Dykstra.Underskate publikaasjes fan Waling Dykstra suggerearje in frij heech oprinnend konflikt mei de ortodoksy yn it doarp, sjoch Abe de Vries, ‘De betsjoende boeredochter. Skriuwer en mienskip yn it Spannum fan Waling Dykstra’, Fers2 3-9 (7 maaie 2017). Webadres: http://www.fers2.eu/de-betsjoende-boeredochter/. Krigen 9 juny 2018.

‘In stellerij te Londen’ moatte wy fan de notysjeskriuwer ek fan leauwe dat it ‘in spoekeskiednis’ is, ‘mei stellerij, in nuver ferhaal. Ut ’e tiid’. Mar ek hjir giet it net om spoeken mar om in oplichter en dief dy’t misbrûk makket fan it leauwe fan minsken yn spoeken.

‘In echtskieding’ hjit ‘luguber, leech by de groun en út ’e tiid’ te wêzen. It is in gothic grizelferhaaltsje fan trijekwart side dêr’t in pastoar him inkeld nei betelling ree toant om de echtskieding tusken twa minsken út te sprekken. Hy lit it echtpear in kat beethâlde, de iene de kop en de oare de sturt, en grouwélich hakt er it bist mei de bile midstwa: ,,De dea het jimme skieden. Jimme benne frij!”, seit er.

‘Hoe’t Reitseboer syn wiif en in doarpslju foar ’t soaltsje hie’ bestiet út ‘anekdoaten, hoe as Reitseboer syn wiif en oaren te fiter hie. Dit stikje is tige plat en leech by de grûn. Foar hjoeddeiske perse ûngeskikt’. Dykstra fertelt oars mei smaak oer de fiten dy’t Reitseboer úthellet. De minputen sille te witen wêze oan it folkske grapke dat immen leaut dat in minske in aai lizze kin. Wol is it sa dat om al te goed- en byleauwige lju wat gnyske wurdt: ‘Oaren hâlden ’t der foar dat it oars neat wie as keunsten fan de duvel, en dat Reitseboer omgong mei de kweade hie.’

‘Fan in widdo te Efesen’ wurdt sein: ‘in nuver en luguber teltsje en foar ús tiden totaal ûngeskikt’. It teltsje giet oer it harsels ferhongerje litten fan in widdofrou by it lyk fan har man, en oer in nij bestean foar de frou as se it lyk fan har man oan it krús hinget. De Akademyskriuwer merkt it net op, mar it is in letterlike ferfrysking fan in ferhaaltsje út Satyricon fan de ‘snob’ ûnder de Romeinske skriuwers, Gaius Petronius Arbiter.

Ek in neifertelling en oersetting út Dútstalige literatuer (‘Wêrom’t Abraham Readneil noch gjin wiif hat’ nei Zschokke, en ‘Mynhear Lot’ nei Auerbach) wurde ‘humoristysk mar no út’ neamd, en ‘foar ús tiden net mear sa geskikt’. It ferhaal ‘Wêrom’t Jabik net trout’ is in flau grapke mei redenen om frijgesel bliuwe te wollen, mar de ‘Foarlêzing oer nut en nocht’ is simpelwei in tekst dy’t heech opjout fan de idealen fan it Nut en fragen set by de oprjochtens fan guon kristenenen dy’t inkeld hannelje foar eigen nut.

‘Typysk W.D.’

De positive kwalifikaasjes binne dúdlik yn de mearderheid. By de poëzij falt it oardiel alve kear posityf en fjouwer kear negatyf út, by it proaza is dat respektivelik 32 en achttjin kear. De notysjes binne dus yn ferhâlding positiver oer de gedichten (rymstikken, rymkes en puntdichten) as oer de teltsjes en ferhalen, in opfallend gegeven sjoen it feit dat Waling Dykstra nei syn dea foaral as dichter út byld rekke is. Dochs seit dit ek wer net hiel folle, om’t de wurdearring fan de bekendere stikken fan Dykstra net fermeld wurdt.

Fan in histoarjegedicht as ‘De slach by Starum’ wurdt sein dat dy ‘in goed oersjoch’ jout oer de wat letter bekend waard as de Slach by Warns, en wiisd wurdt op besibbens wat de ‘rymtrant’ oanbelanget mei wurk fan de bekende Nederlânske skriuwer Hendrik Tollens (1780-1856). Yn in oar lang gedicht (‘rymstik’), ‘De stikkene skoechsoal’, wurdt it ûnderwerp ‘mei in flok yn floeiend rym en rhytmus fan W.D. besongen’. ‘In trek út de lotterij’ fan fjirtjin siden is ‘in aardich ferhaaltsje’. In pear kear wurdt ‘in moai puntdicht’ oanwiisd. ‘De brân master’, hast tsien siden, is de iennichste tekst dêr’t de politike moed fan priizge wurdt: ‘anekdoate oer de dommens fan de boeren – doedestiids!’ ‘In mistaast’, in gedicht fan hast acht siden, is ‘in echt W.D. sketske’. En yn ‘Lubbert’, hast tsien siden, ‘fertelt [er] hjir, sa as hy dat koe’, mei oare wurden: typysk W.D. Der is gjin hint te bekennen dat Dykstra better proazaskriuwe koe as dichtsje.

Dat eat ‘typysk W.D.’ is, wurdt ek opmurken oer proaza, bygelyks oer it bekende ferhaal ‘In dei fan plesier’. It ferhaal ‘Dat dealse efterhûs!’ is ek ‘echt W.D.’ en it sketske ‘Nuver aventoer fan in mitslersfeint’ is ‘echt W.D. wurk’. Dy stimpel fan echtheid moat blykber yn ’t koart útdrukke wat fan oar wurdearre wurk sein wurdt, benammen dat it humoristysk, spannend of smout ferteld wurdt. De iennichste twa kear dat it kommentaar mear omfettet as in pear koarte kreten is, earst, by it ferhaal ‘Kreamvisite by dominy’:

As men dit ferslach oer ’e kreamvisite mar rûchwei skôget, komt men dochûnder de tsjoen fan ’e smoute ferteller, dy’t de tastânnen yn &rsquio;e lytse doarpen tige krekt oanfielt en ek wit hoefier as er dêr mei gean kin. Hjiryn wol in grut kontrast mei syn tiidgenoat en meiwurker Tsjibbe Gearts [van der Meulen].

En dan oer de ferhalerige ‘De winskhoed fan Fortunatus’:

Sketsen oer it deistige libben; elk in folslein artikel en in sage út ’e grykse mythology. De skriuwer brûkt dizze sage handich om as persoanlik tahearder syn forskinen by ferskate petearen better oannimlik te meitsjen. Hy oereidet wol de ferskate tastânnen en benammen de mistânnen yn ’e maetskappy, mar bliuwt sels neutraal. De artikeltsjes hawwe opskriften (sj. by titel). Dizze sketsen moatte doedestiids [sic] de lêzer, dy’t net al te primityf oanlein wie, wol oan it tinken brocht hawwe. De tastânnen benammen op it lân yn Fryslân, wurde dêryn aardich bleat lein.

Dat is dan tagelyk ek de iennichste kear dat in kommentator besiket him yn te libjen yn de lêzer fan doe – merk it leechlizzend minskbyld ‘net al te primityf’ op – en der praat is fan de mooglike ynfloed fan Dykstra syn teksten op lêzers. Ofsjoen fan it feit dat it oarspronklike Fortunatus-ferhaal fansels gjin ‘sage út ’e grykse mythology’ is mar in midsieusk folksferhaal út Beieren, jouwe dizze twa yngongen nijsgjirrige ekstra ynformaasje. Net tafallich betreft it beide kearen in ferhaal út de earste jiergong, 1851; dizze ferhalen sille yn it begjin fan it oanlizzen fan it kaartesysteem beskreaun wêze. Faaks hat men dêrnei al gau besletten dat Waling-om tenei koarter – mear wurdearjend of kritisearjend yn stellende sin, en just minder analytysk – yn kaart brocht wurde moast. Hie it projekt oars te lang duorre?

Konklúzjes

Oan de positive en negative kwalifikaasjes fan benammen Dykstra syn teksten kin men ôflêze wat foar de tweintichste-ieuske beoardielers by it wurdearjen fan njoggentjinde-ieuske literatuer it kultuerideologyske ramt wie. Bliken docht dat estetysk ramt fan de fyftiger jierren gjin rol spile by de evaluative kommentaren: moai wie net in oardiel. De kommentator hold foaral de fraach dwaande oft teksten ek yn har eigen tiid noch wol ‘brûkt’ wurde koene en noch wol ‘geskikt’ wiene, nammentlik geskikt foar de seedlike ferheffing fan it folk.

Gauris wurd fermeld dat soks net it gefal wie, mar yn it tsjuster bliuwt alle kearen wêrom dat sa is; dat kin allinne mei in flinke slach om ’e earm ôflaat wurde út ynhâld, toan en benammen de etyk fan it wurk. Ek wurdt gauris sein dat it om in goed, smout of spannend fertelde, of krekt om in nuvere en ferfeelsume tekst giet, wat derop tsjut dat de auteur benammen wurdearre wurdt as tiidferdriuwend ferteller. Yn de positive en negative opmerkingen komt amper of net oan de oarder oft de teksten de deistige sosjale werklikheid fan de tiid fan har ûntstean goed werjouwe, en oft se de doetiidske lêzer wierskynlik of mooglikerwiis fermakke en/of oan it tinken set hawwe. It sosjaal en yntellektueel engaazjemint fan de teksten wurdt, sa’t dat ek by de katalogisearring fan Iduna te sjen wie, yn hast alle gefallen oersljochte.

Fansels giet it mar om koarte notysjes, en yn dat ramt kin in brede literêre ferantwurding net ferwachte wurde. Mar dat betsjut net dat men de ûnderlizzende wize fan sjen dy’t út de opmerkingen sprekt net oanwize kinne soe. Troch de literêre teksten net te pleatsen tsjin har histoaryske, maatskiplike en kontektstuele achtergrûn, ferriede de beoardielers dat se in lineêre, sterk historisistyske foarútgongsopfetting praktisearje fan de literatuerskiednis. It lettere ferskynt as ‘better’ as it eardere, dat inkeld wurdearre wurdt as boustien of paadwizer fan it lettere of hjoeddeiske. Ek kin in beskate Frysk nasjonaal-politike bril in rol spile hawwe yn de suver kritykleaze beneiering fan Sytstra en de bytiden tige krityske beneiering fan Dykstra: ad hominem, Sytstra wie in hertstochtliker nasjonalist as Dysktra. Fan in bewustwêzen dat in protte fan de beoardiele literatuer sekundêr-orale literatuer is, dat wol sizze literatuer dy’t ék skreaun is om foar te dragen foar, of foar te lêzen oan, in taharkjend publyk, blykt boppedat neat.

De ferwachting dat kristlike etyk en fatsoen de mjitstêf wie by it beoardieljend bekommentariearjen fan it wurk wurdt befêstige. Fan de tsien ferhalen dêr’t de kaartesysteemmakkers fan miene dat se ‘ûngeskikt’ binne foar de tsjintwurdige tiid, reitsje sân stiks direkt of yndirekt oan gefoelichheden op it mêd fan leauwe en byleauwe. Teksten wurde negatyf beskreaun, net inkeld om literêre of estetyske, mar ek om kultuerpolitike redenen: om oan de Fryske lêzer de ‘tradisoneel Fryske’ wearden oer te dragen en ‘net-Fryske’ tinkbylden by him wei te hâlden. Hjir kin men de Frysk-nasjonale bewegersynstelling oan ôflêze dêr’t Fryske literatuer wol faker mei besjoen en bepraat wurdt en dy’t de katalogisearring ek mei beskaat hat. Literatuer wurdt dan net inkeld, of sels net yn haadsaak, beskôge as literatuer mar altyd ek, en soms foaral, beoardiele op syn bydrage oan de mienskiplike – kristlike – ‘Fryske saak’. Yn dy literêre ideology past lang net alles wat de sosjaal engazjearre en krityske (en soms ek satiryske) Waling Dykstra skreaun hat. De kaartesysteemmakkers toane har dêrom it meast huverich foar teksten dy’t op politike, sosjale of religieuze grûnen posysje kieze, dy’t maatskiplike tsjinstellingen net oersljochtsje en dy’t net alle mooglike religieuze stroffelstiennen út ’e wei gean.

De kwalitatieve notysjes by in oantal digitale yngongen op Iduna en foaral De Fryske Húsfreon kin gjin wittenskiplike of literêre autoriteit oan ûntliend wurde. It is net dúdlik wêrom’t de iene kear wol in kwalitative evaluaasje jûn wurdt en de oare kear net. It is mooglik dat Poortinga en Meerburg de frijwilligers inkeld frege hawwe om yn (nei har eigen oardiel) ekstreme gefallen te fermelden dat in tekst ‘net mear geskikt’ is foar kontemporên gebrûk. Watfoar gebrûk men dan op it each hat, bliuwt yn it ferhoalene, mar folle mear as bestudearje, derút blomlêze (foar de takomstige Iduna-rige?) of derút foarlêze kin men der no ienris net mei. De negative kwalifikaasjes bringe sa besjoen feitlik it boadskip om de oanbelangjende teksten út de Fryske lettertún wei te wjudzjen.

De kommentaren jouwe, gearfetsjend, foarsichtich in yndruk fan it kultuerideologyske ramt en de etyske mjitstêf fan de katalogisearringsslach yn de fyftiger jierren. Wat men ‘geskikt’ achte fan syn njoggentjinde-ieuske skriuwers wie moai geef Frysk, in spannende of smoute fertelling, in floeiend dichtstik, net te ‘plat’, byleaven sûnder spoeken en net mei tefolle religieuze krityk. Mei oare wurden, sa’n lezer beseach de literatuer troch in bewegersbril, dy’t in sosjale ferheffingsbril wie, sadat syn easken oan de teksten benammen etysk wiene en ek polityk – mar yn gjin gefal estetysk.

Lykwols kin it kaartesysteem fan Poortinga/Meerburg c.s. foar de hjoeddeistige studint fan Fryske literatuer goed brûkber wêze, foaral by it meitsjen fan kwantitative analyses fan literêre tydskriften, bygelyks op tekstoarten, auteurs en auteursbydragen. Ek kin de katalogus in paadwizer wêze nei oare literatuerwittenskiplike spoaren. Yn it each rint bygelyks al gau de promininsje fan lange gedichten, ‘rymstikken’ neamd, fersen dy’t net selden oer mear as tsien siden rinne. Bliken docht dat it faak giet om sekundêr-orale foardrachtstikken: gedichten mei it primêre doel fan foardracht foar publyk of foarlêzen yn húslike rûnte. Oft de katalogisearjende frijwilligers fan de Fryske Akademy, of har liedingjaanden, har yn de fyftiger jierren al rekkenskip joegen fan it bestean fan sa’n oare literêre dynamyk as yn de teksten út lettere ferskriftlike tiden, falt te betwifeljen; dêr haw ik alteast gjin oanwizingen foar oantroffen.Sjoch Goffe Jensma, ‘Meartaligens en autonomisearring fan de Fryske literatuer om 1900 hinne’, Us Wurk 66 (2017) 148. In ferwyt is dat oars ek wer net. Oer de ôfwikende literêre easken oan sok sekundêr-oraal dichtsjen kaam krekt ynsjoch yn de santiger jierren, mei Ruth Finnegan. De Amerikaanske letterkundige, histoarikus en filosoof Walter J. Ong kaam pas yn 1982 mei it populêre wurk Orality and literacy.

Noaten

  1. ‘Katalogus fan wat der oer Fryslân skreaun is’, Leeuwarder Courant (8 febrewaris 1951).
  2. Idem.
  3. ‘Bibliografy fan Fryske skriuwers út de foarige ieu’, Leeuwarder Courant (13 maaie 1953).
  4. Idem.
  5. Jelle Krol, ‘Santich jier de romte oan en foar ûndersyk nei Fryske literatuer by de Fryske Akademy’, Philologia Frisica Anno 2008 (Fryske Akademy, Ljouwert 2008).
  6. ‘In litterair-histoarysk wurkforbân’, Ut de smidte fan de Fryske Akademy IV (novimber 1851) 9. It Literair-Histoarysk Wurkferbân is yn 2016 oergien yn it Letterkundig Netwerk. Foarsitter is dr. E. Hoekstra, siktaris prof. dr. R. Salverda.
  7. Idem.
  8. ‘Wurkforbannen kamen gear’, Leeuwarder Courant (31 desimber 1951).
  9. Pers. kommunikaasje Tresoar-kolleksjefoarmer Inge Heslinga, 11 april 2017.
  10. De Fryske Akademy hat pas letter besletten ta in rige útjeften út de Fryske njoggentjinde-ieuske literatuer, de Iduna-rige. De redaksje bestie yn de sechstiger jierren út Klaas Siebe Katsma, Ype Poortinga en Goasse van der Woude. Kfm. Douwe Tamminga, ‘Skerper sicht op dynamysk libben’, De Tsjerne 22 (1978) 38. De earste útjefte yn de rige wie Y. Poortinga, gst. en ynl., Op ’e drompel fan de romantyk. Blomlêzing út ’e Fryske skriftekennisse oer de jierren 1822-1836 (Laverman, Drachten 1962); de twadde H.G. van der Veen, De kaertlizzer (Laverman, Drachten 1965).
  11. W. Kok, ‘Kultureel libben yn Fryslân yn 1956’, Leeuwarder Courant (29 desimber 1956): ‘Mear as 30 manlju en froulju komme nou alle wiken in moarn of in middei op it Coulonhûs om forgees by it wurk to helpen. Dat wie yn in pear wike regele en soks tipearret Fryslân dochs ek wer. Dit betsjut in kultureel hichtepunt en makket jin bliid ta dit folk to bihearren. It bitsjut ek dat in great stik wurk, dat oan ’e Akademy foar Fryslân dien wurdt, fan in 7 à 8 jier ta 3 jier of minder werombroch wurde kin!’
  12. ‘De Fryske Akademy (20 jier) hat syn plak goed skjinmakke’, Leeuwarder Courant (1 septimber 1958).
  13. Jan Wybenga, ‘Doarpspraet fan bakker Ulespegel’, De Tsjerne 8 (1953) 172-175.
  14. Jan Piebenga, ‘Byld fan trije foargongers’, De Tsjerne 17 (1962) 322: ‘As it Frysk yn de blaukile fan de Halbertsmastavering rinne moat, bliuwt it “boersk”. In tûke dy't syn libbenskrêft net út de âlde stamme sûcht, fortoarret en falt ôf. De romantyk is as réaksje op it centrifugale rationalisme dúdlik centripetael: dêrom sjogge [Tiede] Dykstra en [Harmen] Sytstra Great-Fryslân wol, wylst ien as Waling Dykstra der blyn foar bliuwt. Foar de twa freonen hingje stavering, taelstriid en folksbisef ûnforbrekber gear.’
  15. Bygelyks yn Anne Wadman, ‘It dichterskip mei it figeblêd’, yn: Ib., Kritysk konfoai (Laverman, Drachten 1951) 139: ‘Ik haw de folksdichter steld as yndie in dichter (taelbiwurker yn rym en mjitte, soe men sizze kinne), mar mei in psychysk tokoart, sjoen fan de kultuer út wei. De moderne folksdichter as it psychologysk foarstadium fan de moderne “echte dichter”. It folksdichterskip as it kultureel foarstadium fan it “echte dichterskip”.’
  16. A. Feitsma, ‘The Frisian native speaker between Frisian and Dutch’, yn: D.J. van Alkemade et.al., red., Linguistic studies offered to Berthe Siertsema (Rodopi, Amsterdam 1980) 337: ‘I assume that we intuitively think the 19th century popular writer Waling Dykstra so authentic, so typically Frisian because he uses so many of these specific Frisian words and phrases, and at the same time keeps well within the existing limits of their range of action.’
  17. Underskate publikaasjes fan Waling Dykstra suggerearje in frij heech oprinnend konflikt mei de ortodoksy yn it doarp, sjoch Abe de Vries, ‘De betsjoende boeredochter. Skriuwer en mienskip yn it Spannum fan Waling Dykstra’, Fers2 3-9 (7 maaie 2017).
  18. Sjoch Goffe Jensma, ‘Meartaligens en autonomisearring fan de Fryske literatuer om 1900 hinne’, Us Wurk 66 (2017) 148.

Mear fan Abe de Vries

‘Krysttiid 1899’ of it stjonkbedriuw fan de grutten
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Keunst is altyd polityk (podcast) Gerrit Breteler oer synergy mei it publyk
It sweverige wurd ‘spiritualiteit’ (podcast) Marty Poorter wol net útlizze
Mimesis (podcast) Keunst is gjin keunstsjes, seit Elmar Kuiper
Keukenstafelpetearen de alderearste fryske keunstpodcast
De Hylkje Goinga Priis foar Frysktalige Literatuer In trochstart fan de fallite Gysbert!
De treastpoezen fan it Frysk (it frysk is sa hoopfol en de minsken snappe it net)
De sosjale kosten fan fergriemen It neoliberalisme lit jo foar alles opdraaie
1 2 3 4 5 6 7 8 9