name

folgje Ășs

Facebook Twitter Google

 

Gedichten

Ypie Haitsma-Bakker - Fers2, nû. 4.9, 6 maaie 2018

 

image

 

Heit

 

 

’k Soe dy lykas Húsman skild’rje wolle

dyn brune tinne hier plúst’rich op ’e holle.
Houtskoalswart, de barsten en de rânen
fan dyn ylterige hannen.

Dyn djippe tearen lykas Woudwijk ien
foar ien houwe, út rûge grize stien.
It boarstbyld mei de ferware holle
soe ’k op in fuotstik sette wolle.

Ik sil it besykje yn in sonnet
mar kin dy net belove dat ik dy nei ’t sin
yn in fers fan fjouwer strofen byldzje kin.

Ik skets en hou, skras en ferset.
’k Kin dy net yn wurden fange. Rûch opskuorre
hingje ’k dy yn ’t húske oan ’e muorre.

 

 

Ik bin berne yn 1966 as helte fan in twaling. Op in pleats oan ‘e Slachte te Lollum. As bern doarme ik graach troch de fjilden en ik ferslynde boeken. Nei ús trouwen ferhuzen we nei Achlum en krigen we trije bern. Foar ús bern fantasearre ik ferhaaltsjes en rymkes foar it sliepen gean. Dy ferhalen en gedichten sieten yn myn holle, opskriuwe kaam der net fan. It is pas fan de lêste tiid dat ik koarte ferhaaltsjes en gedichten opskriuw en lêze lit. De reaksjes hjirop binne foar my in stimulâns om troch te gean. Om mysels te ûntwikkeljen folgje ik skriuw- en dichtkursussen en om skriuwmeters te meitsjen hâld ik in bloch by.
Ypie Haitsma-Bakker