laudatio eppie dam image

Laudatio foar Eppie Dam

by de útrikking fan ’e Gysbert Japicxpriis op 14 oktober 2017

Bert Looper - Fers2 nû. 3.17, 29 oktober 2017

Achte deputearre, achte wethâlder, achte oanwêzigen, it is in feest om in laudatio skriuwe en útsprekke te meien. Dat is it alteast foar my: suver terapy om no net ris altyd mar wer te seuren oer alles wat better kind hie, mar gewoan je entûsjasme, bewûndering foar in dichter uterje. Je knappe der wier fan op: in laudatio a day, keeps the doctor away. Mar no wit ik ek dat it foar dejinge dy’t de laudatio ûndergean moat net altyd noflik fielt: al dat entûsjasme en al dy bewûndering… dy binne meastentiids te persoanlik trochfield om se goed oerbringe te kinnen op de slachtoffers fan de laudatio.

Mar ik doar te sizzen dat dat yn de kommende tsien minuten oars leit. Fansels, it is myn eigen bewûndering foar in dichter en syn wurk, in bilaterale ferhâlding. Mar yn it gefal Dam – as wy goed de wearde en betsjutting fan syn wurk ta ús trochkringe litte - is der altyd sprake fan in trijehoeksferhâlding: it giet om jesels, om de literatuer, mar ek om it lânskip, de omjouwing yn in romme betsjutting. De poëzij fan Eppie Dam ferbynt ús mei ús omjouwing, ús lânskip yn letterlike en figuerlike betsjutting. Hokker poëzij docht dat dan net, hear ik jim no al tinken. Mar lês de fersen fan Dam en je begripe wat ik bedoel.

Lit ik it hiel konkreet meitsje. Yn 2007 kaam ik werom yn Fryslân nei’t ik mear as tritich jier op oare plakken yn Nederlân wurke hie. Dat kaam fansels fanwegen de nije baan, mar der siet noch wat ûnder, wat djippers. Ja, Fries fansels, mar ek noch wat oars. Ik wie út Fryslan wei gien mei Sybe Sybesma, “wachtsje mar, ienris komst dyselme tsjin, de wiere gongen fan dyn libbensrin’’, kaam werom en fûn Eppie Dam. Dat moat dan blykber sa wêze: it earste wat ik lies wie de bondel Neigeraden it Noarden, en yn dy bondel de folgjende geweldige rigels:

Neigeraden it noarden komt in fûgel werom

fan syn flecht, bespegelt in man

syn ferline en stapt út syn skaad wei

syn natuer yn ‘e mjitte, neigeraden

it noarden fierder fan syn doel

en tichter bij syn bestimming.

Dy prachtige rigels sloegen yn as in bom. Dizze seis rigels makken in net mear stikken te krijen trijehoeke fan mysels, de literatuer en it lânskip. Dêrom wie ik dus werom. Eppie Dam ferankere my yn dit lânskip yn letterlike betsjutting, Fryslân, mar ferankere my noch folle mear yn myn lânskip yn figuerlike betsjutting, nammentlik, ‘the northern state of mind’, de geast fan it noarden. Muoilik te definearjen dy noardlike geast, mar ik bin der wis fan dat in protte minsken hjir dat by harren sels ek werkenne.

Dy ‘northern state of mind’ komt fansels ek yn de bûtenlânske literatuer foar. De Ingelske skriuwer Robert Macfarlane skriuwt yn syn fantastyske boek Landmarks: ‘I am and have been for as long as I know, north minded: drawn to high latitudes and drawn also to writers and artists for whom northerliness is a mode of perception as well as a geographical position’. Net allinne in geografyske posysje, mar ek in wize fan sjen. De Fryske kultuer is sterk north-minded, geografysk fansels – dit plak – mar ek yn de ‘mode of perception’, de wize fan sjen.

En dy wize fan sjen is skalpelskerp: just yn de wiidsheid fan it lânskip, de abstraksje hast fan it lânskip fan hoarizon en fiere fierten, is it belangryk om it detail te sjen. It detail is it anker yn de kontekst fan útgestrekheid. Dy skerpte fan it detail is sa belangryk om net yn de falkûle te stappen fan it beneamen fan lânskip en taal, allinne mar yn abstraksjes. De poëzij is it ynstrumint om ús hieltyd wer werom te bringen nei it detail, nei presyzje. De poëzij, it detail as anker yn de oseaan fan abstraksjes dy’t hjoeddedei oer ús hinne spielt. De poëzij en it detail dy’t ús hiel presys yn de trijehoeke ferbine mei ús lânskip, ús omjouwing en dy’t harren net ferrivelje litte troch abstraksjes.

Achte oanwêzigen, giet dizze laudatio noch oer Eppie Dam? Ja, want de poëzij fan Eppie Dam lit sjen wat de krêft fan taal is om ús ‘sense of place’ te foarmjen; wat de krêft fan wurden is om ús relaasje mei natuer en omjouwing te betsjoenen; wat de krêft fan wurden is om ús relaasje mei ús omjouwing betsjutting te jaan. Dat is wichtiger as ea, no’t wy bot yn it debat sitte oer it ferlies fan lânskip, troch it ferlies fan skientme, troch it ferlies fan floara en fauna, mar benammen ek troch it ferlies oan betsjutting, oan poëtyske betsjutting.

Nijsgjirrich om dat te yllustrearjen is de analyse fan it taalgebrûk yn de diskusje oer de wynmûnen yn de Iselmar. De foarstanners hiene it oer in klotsende bak wetter, in ideale leegte foar de mûnen. Mar wer wiene de tsjinstanners? Sifers oer sakjende oantallen toeristen en in x-oantal deade trekfûgels dogge it net mear of net allinne mear as der ek net in poëtsyke betsjutting oan it lânskip jûn wurdt. Wy ha ús wurden ferlern om presys te wêzen; wy hiene gjin wurden mear om presys oer dat lânskip te wêzen, om it anker fan it detail út te smiten yn de abstraksjes fan oantallen en in klotsende bak wetter.

Henry Havard seach dat oars doe’t er yn 1875 oer de Sudersee sylde: ‘Het moet middernacht zijn geweest toen we Staveren in zicht kregen. Met een zacht schijnsel bedekte de maan de hele golf. De nachtelijke bries rimpelde het water, dat voorzichtig de magische stralen reflecteerde en de tienduizenden sterren aan het firmament leken zich met welbehagen te spiegelen in deze grote verzilverde schaal – dat is wat oars as in bak wetter - . Onder het discrete licht vormde het water paarlemoeren reflecties. Het trillende oppervlak leek te ruisen van geluk en de hele natuur scheen stil en peinzend de blauwe hemel en de grijze golven de aanschouwen en te zwijgen uit angst om deze majesteitelijke pracht te verstoren’.

Yn ús hieltyd generikere wize fan praten oer it lânskip, ferlieze wy de wurden om presys te wêzen en wat net beneamd wurde kin is der ek net mear. Wat net yn wurden beneamd wurdt, sit ek net mear yn it hert en dan is it der ek net mear. Dêrom is omtinken foar taal sabelangryk, mar yn dy taal is it fan it grutste belang dat wy lyryk ha as ynstrumint fan presyzje, skalpelskerp. Alles wat ik hjir sis soe ik yllustrearje kinne mei sitaten út de fersen fan Eppie Dam. Mar lês sels syn wurk en ûntdek, sjoch de folgjende aspekten yn syn wurk:

1. De skerpte, de skalpelskerpte fan sjen: yn it fers “Wâl en skip” yn “Neigeraden it Noarden” fûn ik de rigel oer it bern dat de tiid ferklompkebongele: krekter en skerper kinne je dat gefoel net beneame en de herinnering oan de wrâld oproppe fan it bern dat yn de jierren 60 opgroeide – it bern dat ik wie – en dat op in waarme, hite dei yn in einleaze simmerfekânsje op ‘e kaai fan de feart syn tiid siet te ferklompkebongeljen.

2. It fermogen om ús wize fan sjen nei lânskip en nei ús sels te feroarjen: yn it fers “Fallend ljocht” lês ik de rigels: “Wat is in mins? In fallend ljocht. In plúske delsaaid op it fjild. In skaad dat yn in ommesjoch oer beammegrien en muorren fljocht.” Mar tink ek oan it sitaat wêr’t ik mei begûn: “de mins, neigeraden it noarden, fierder fan syn doel en tichter by syn bestimming.”

3. De rykdom fan observaasje, de poëzie fan it gewoane, bylden dy’t ús altyd bybliuwe: yn it fers “Peaskemoandei” yn “Neigeraden it Noarden” dit prachtige byld: ‘Alle dingen, sa’t behalve bern ek dichters witte, sjogge better mei in bril op sûnder glêzen, bûgd fan triedsjes út it timmerlaad. Hjir stek ik de see oer yn in trekkerspoar. Kuilbultplestik fljocht op, om út te flechtsjen yn in waaier oan protters.’ Eppie, laudatio: geweldich!

4. En dan gearfetsjend, it fjirde bysûndere aspekt yn it wurk fan Eppie Dam: Presysje as it fermogen om te sjen en te wachtsjen. Wachtsje op it momint dat it ding ophâld in ding te wêzen en eat wurdt dat wit dat wy der binne. Yn de priiswinnende bondel “Fallend ljocht” sit dat aspekt benammen yn it twadde skift fersen, ek ûnder de titel “Fallend ljocht”, oer it ôfbroazeljen fan âlde godshuzen en tagelyk fan in wurd dat oait betsjutting hie.Yn “Fallend ljocht“ sjocht it lânskip nei ús en dat hat in prachtich treastryk effekt. Inkele rigels:

“Sjoch de tsjerke, dy’t noch útstekt. Klokken liedt foar elkenien.

Ljocht dat ynfalt fan omhegen nimt blauwens fan de himel mei, hat fan de bouwers oars net frege as finstergatten iepen nei de dei.

Toer yn it sicht wit net fan wiken, woarteljend yn fêste grûn, foar de kuierder it teken fan in tydlik rêstplak fûn.”

En as lêste foarbyld it fers “Oan it tsjerkje fan Wierum”: ‘Om sicht en perspektyf te hâlden, witsts oars net as de hoarizon – fier dikerje dyn galmgatbôgen, as seachsto hoopfol achterom.’

Achte oanwêzigen, bêste Eppie: wie dizze laudatio wol genôch laudatio? Ik soe hast sizze fan wol. Mar ik fyn dat de laudatio gjin folsleine laudatio is as ik gjin antwurd jou op de fraach dytsto dysels stelst yn it magistrale slotgebed yn de bondel “Fallend ljocht”: “Ha ik it lân dat ik besyld ha ek besiele?” Ja, Eppie, do hast it lân datst besyld hast ek besiele. En hoe! Dyn wurk lit ús sjen hoe belangryk it is dat wy taal ha, dat wy wurden ha om mei dizze wrâld om te gean. Tige tank.

Mear fan Bert Looper

Literatuerbefoardering anno 2019 Oprop foar iepenbier advys