literatuerbefoardering tresoar image

Iepenbier rieplachtsjen literatuerbefoardering

Literatuerbefoardering anno 2019

Ynlieding foar de diskusjemiddei fan It Skriuwersboun op 24 maaije 2018

Bert Looper - Fers2 nû. 4.11, 3 juny 2018

Yn 2018, wylst de Kulturele Haadstêd yn folle gong is, riedt Tresoar him ta op de ynfolling fan it taakfjild ‘literatuer­befoardering’ yn de post-LF18 jierren. Wat is literatuer­befoardering? Wat is der feroare troch LF18? Hoe binne de relaasjes mei oare literêre ynstellings en aktiviteiten? Wat is it ferlet fan de skriuwers? Graach heart Tresoar de miening fan elkenien dy’t oer litertuerbefoardering anno 2019 neitinke wol. Yn dizze koarte notysje jouwe wy oan de meitinkers inkele kaders en tink­rjochtingen. Wês frij om sa kreatyf mooglik ús fan adfys te tsjinjen. Mei jim ynput presintearje wy oan ’e ein fan dit jier ús plan foar de ynrjochting fan literatuerbefoardering anno 2019 en fierder.

Ferfolch

oprop * oprop * oprop

Iepenbier Rieplachtsjen

Tresoar ropt alle nigethawwers oan de Fryske literatuer op om te advisearjen

Hoe moat Tresoar de literatuer yn Fryslân befoarderje?

It takepakket dat Bert Looper yn syn ynleiding neamt, en de faktoaren en trends, jilde foar Tresoar, mar fansels net foar de frije keunstner. As jo ferlet ha fan oare muzen as dêr’t Tresoar it oer te kedizen hat, wol Tresoar dat likegoed graach witte. Dus

dy’t ideeën oer literatuerbefoardering hat,

dy’t dêr sels al plannen foar úttekene hat,

dy’t saken mist dêr’t neffens him in sûn literêr fjild net sûnder kin,

dy’t syn lêspublyk net optimaal berikke kin,

dy’t in spesifyk ferlet fan skriuwstipe hat,

dy’t tinke (jou it mar ta) dat óaren wolris beskate neden en ferletten hawwe kinne op literêr mêd, of

dy’t (erken dat ek mar) tinkt dat Tresoar syn literatuer­befoardering wol wat strategysker planne kin…

jou Tresoar advys!

Stjoer in email nei Tresoar fia ynfo@tresoar.frl

Tresoar publisearret jo advys op syn Sirkwyside op it ynternet (mits jo dêr net op tsjin binne). Tresoar behertiget alles. Tank yn ’t foar fan Tresoar.

Om boppesteande fragen goed beantwurdzje te kinnen, is it fan belang om it literêre takepakket fan Tresoar yn it koart te sketsen, yn fjouwer komponinten:

  1. Kennissintrum: argifearjen en dokumintearjen fan de Fryske literatuer en literatuerskiednis (opbou kolleksje, argiven en bibliotheek; depotfunksje literatuer; presintearjen fan kolleksjes fia stúdzjeseal en fia ynternet; bio- en bibliografyske ynformaasje (Sirkwy); stimulearjen fan ûndersyk, publikaasjes, ensfh.
  2. Produksjehûs: It ferlienen fan skriuwopdrachten, multimediale projekten, optredens, festivals, ensfh.
  3. Presintaasjepoadium: útstallings, lêzings, publikaasjes, poadium foar aktiviteiten fan tredden, ensfh.
  4. Stipefunksje: edukaasje, (skriuw)kursussen, organisaasje fan priizen (GJ-priis), kontakten mei Letterefûns, Stichting Lezen, ensfh.

De middels fan Tresoar – minsken en jild – wurde ferdield oer dizze taken. Troch in oantal ûntwikkelingen is it fan belang om de ferhâlding tusken dizze taken, de swiertepunten en aksinten op ’e nij te besjen. As wy Tresoar in goed en effektyf plak jaan wolle yn de befoardering fan de Fryske literatuer moatte wy rekken hâlde mei dizze faktoaren en trends:

  1. Per 1 jannewaris 2019 is Tresoar de programmeur fan OBE, poadium foar taal en literatuer op it Aldehoustertsjerkhôf. Foar Tresoar moat OBE in wichtich instrumint wurde yn de oantreklike en professionale presintaasje fan Fryske kultuer yn in romme bestjutting. OBE is fan belang foar presintaasje, net allinnich fan Tresoar-aktiviteiten, mar ek as poadium foar oare partijen, festivals, oare ynstellings en minsken mei goede ideeën;
  2. Troch LF18 is meartalige kultuer en literatuer in útgongspunt fan it provinsjale kultuerbelied; literêre ynisjativen wurde folle breder oppakt as ea it gefal wie, ek troch festivals as Explore the North, ensfh. De Fryske literatuer oppenearret him folle mear yn meartalige netwurken as yn in isolearre Fryske omjouwing;
  3. Multimedialiteit spilet in belangrike rol yn de uteringsfoarmen fan kultuer en literatuer; it boek bliuwt wichtich, mar hieltyd mear sille multimediale foarmen en techniken de drager wêze fan literêre uteringen;
  4. Literatuerbefoardering is allinne mar effektyf yn in goede gearwurking fan de ‘stakeholders’: oerheid, Afûk, Tryater, Fryske Akademy, RUG, Omrop Fryslân, festivals, Skriuwersboun, ensfh. Der soe in sterkere mienskiplike strategy en taakferdieling ûntwikkele wurde moatte;
  5. Njonken it Fryske netwurk is it oparbeidzjen mei Nederlânske en ynternasjonale ynstellings fan belang foar literatuer­befoardering (Letterenfonds, Other Words, Literatuur­museum, ensfh.)

Hjir fine jo

Mear fan Bert Looper

Laudatio foar Eppie Dam In laudatio a day, keeps the doctor away. Mar no wit ik ek dat it foar dejinge dy’t de laudatio ûndergean moat net altyd noflik fielt.