image Geertje Kingma In ferklikker sliept nea

Koart ferhaal

Geertje Kingma - Fers2 nû. 5.18, 17 novimber 2019

In ferklikker sliept nea

Fannemiddei bin ik yn Harns fan de boat helle. Ik sil mei freonen werom nei it plak dêr’t myn pake en beppe wenne hawwe en dêr’t myn âldershûs yn de lijte fan de seedyk stie. Yn gedachten hear ik noch de hurde seewinen, dy’t mei it natoergeweld fan it wetter it hiele kweldergebiet der ûnder strûpe lieten. By sa’n stoarm kroep ik as lyts famke bang ûnder de tekkens. Sa út en troch kom ik noch wol ris yn dit gebiet en sadwaande wit ik, dat it hûs dêr’t wy froeger wennen der net mear stiet; it is ôfbrutsen en op itsele plak stiet no in lytse skuorre. Ik bin wer efkes op it plak dêr’t ik berne bin. Want nei al dy jierren wurdt it tiid om it ferline fan myn famylje wer ûnder eagen te sjen.

Wat hjir yndertiid yn 1942 bard is, dêrfan hawwe de minsken dy’t hjir no wenje noch amper weet. Wierskynlik witte in pear leeftydsgenoaten dy’t hjir altyd wenjen bleaun binne de ferhalen noch, dy’t se yn dy tiid fan harren âldelju heard hawwe. Myn pake moat in aardige, leave man west hawwe en sterk fan liif en lea. Neist it lytse lean foar de lange dagen as arbeider by de boer, ferkocht er syn fongen Waadfisk om wat ekstra jild te fertsjinjen. It parte net rom om yn de húshâlding fan pake en beppe en it fiskjild kaam goed fan pas, helendal yn de oarlochsjierren. Ek by de Dútske soldaten wie it bekind dat pake en beppe fisk ferkochten en dan moast myn muoike, dy’t doe in famke fan 14 jier wie, de fisk ek sa út en troch wol ris by de soldaten bringe.

It wie novimber 1942. Fanwegen kleare earmoed stie der net alle dagen fleis op ’e tafel. Op in dei kamen ús heit en syn maat by pake thús oansetten mei in skiep. De beide jongkerels woenen it bist stikem slachtsje en it fleis ferdiele oer de trije húshâldings: dy fan pake en beppe, fan ús heit en mem en de húshâlding fan ús heit syn maat Jehannes, want dy wenne noch thús. It stellen fan it skiep wie pake mar min nei ’t sin, want hoe moast hy soks ferantwurdzje as de Dútsers der efter komme soenen? Dan wienen se grif alle trije it bokje. Dochs waard it skiep slachte en der wie nimmen dy’t it seach.

Mar in ferklikker sliept nea… De oare dei stie de plysjeman fan it doarp, lid fan de Faksistyske Kammeraden Bûn, ynienen by pake en beppe foar de doar. Hy hie fan de eigener fan de bûtendyks rinnende skiep fernommen, dat der ien skiep wei wie en dat myn heit en syn freon de daders wienen. Se moasten daliks meikomme. Pake en beppe bleaunen ferbjustere efter…

De oare dei gie pake nei Ljouwert en besocht earst mar ris om by de “Blokhuispoort” te fernimmen oft syn arrestearre soan en freon dêr wienen. Dat wie it gefal. Mar ek pake waard daliks fêstnommen en yn de sel set. Sont dy dei wist nimmen fan de trije famyljes wêr’t de manlju taholden en in healjier lang hearden se neat.

Yn it foarjier fan 1943 kaam der ynienen dúdlikens. Myn heit waard yn juny frij litten en hy krige it befel fan de Dútsers mei, dat er him by oankomst yn Ljouwert daliks by it rjochtsgebou melde moast foar in rjochtsitting yn ferbân mei it stellen en slachte skiep. Mar heit wage noch mar amper 50 pûn. Hy seach der út as in libben bonkerak en se wisten har gjin rie mei him. De doarpsdokter waard skille. Dy krige de opdracht om beppe yn te ljochtsjen, dat har soan yn Ljouwert wie en op kommendewei nei hûs.

Doe’t er thús wie kaam de hiele skiednis yn syn ferhalen foar it ljocht… It moat foar myn mem en beppe ferskriklik west hawwe wat se doe allegearre te hearren krigen.

Nei in koart ferbliuw yn de “Blokhuispoort” wienen se alle trije troch de doarpsplysjeman yn eigen persoan nei it Oranjehotel yn Skeveningen brocht. Dêrwei nei Kamp Amersfoort, om op it eintsjebeslút yn Kamp Vugt telâne te kommen. Ek dêr waard flink martele en úthongere. Pake joech in stikje fan syn bôle oan in oare finzene. In Dútske bewaker seach dat en pake waard deaslein. Heit syn freon waard siik. Hy stoar oan in net behannelde longynfeksje. Harren liken waarden yn it kamp ferbaarnd en de nammeleaze jiske waard ferstruid.

En de plysjeman út it doarp dy’t pake, heit en syn maat fuortbrocht hie? Doe’t him dúdlik waard wat de gefolgen fan syn aksje west hienen, dûkte de smycht ûnder. En as wie der nea bard: nei de oarloch mocht er wer gewoan as plysjeman oan it wurk en waard er wer opnommen yn de gemeente fan de griffermeerde tsjerke yn it doarp.

Yn 1952 kaam der in brief fan de “Oorlogsgravenstichting” út De Haach op it Gemeentehûs oan. Se woenen ynljochtings oer pake syn hâlden en dragen yn de oarlochsjierren hawwe, dan koe er faaks as oarlochsslachtoffer oanmerkt wurde. De plysjeman skreau yn opdracht fan it Kolleezje in brief werom. Dêryn ferswijde er de wierheid oer syn ferskriklike died dy’t twa mânlju it libben koste hie.

Neffens him wie pake syn grutste flater west dat er fisk oan de Dútsers ferkocht hie en om de fiskferkeap waard er ek noch omskreaun as polityk ûnbetrouber. Ek skreau de plysjeman dat pakes dochter – myn muoike – sa út en troch ek wol ris fisk nei de soldaten brocht hie. Sa waard sy as fjirtjinjierrich famke ek noch troch him oanmerkt as in soarte fan jeugdige Mata Hari. De boargemaster hat it brief blykber sûnder de ynhâld goed te lêzen tekene en sil grif in gemeente-ambter de opdracht jûn hawwe om de reaksje op de fraach nei de brievebus te bringen.

Op it brief waard troch de direkteur fan de “Oorlogsgraven­stichting” negatyf reagearre. Pake fertsjinne de kwalifikaasje fan oarlogsslachtoffer net, want yn it brief fan de plysjeman stie beskreaun dat pake fisk oan de besetter ferkocht hie en meiholpen hie om in stellen skiep te slachtsjen. Yn De Haach wienen se blykber blyn foar it feit dat bakkers en oare winkellju yn de oarloch ek har bôle en sûker oan Dútsers ferkocht hienen. Boppedat: it ferkeapjen fan fisk wie hurde needsaak foar pake en beppe west, want der wie op in oare wize amper jild yn kommen.

Ik wie noch in lyts famke doe’t der op in dei twa mannen by ús thús kamen. Beppe fertelde my letter, dat se oan de mannen belove moatte hienen dat se nea wer oer de aksje fan de plysje en de dea fan har man en heit prate mochten: it foarfal moast de dôfpot yn.

In pear jier letter fytsten wy fan skoalle nei hûs. Ik siet ik by myn âldere broer efterop de fyts. Ynienen waarden wy tsjinholden en moasten stopje. De fyts waard by it stjoer fêstpakt, myn broer foel fan ’e fyts, rekke yn ’e berm en rûgele de feart yn. Ik waard skopt, kaam ek yn it wetter telâne en waard mei myn holle ûnder wetter treaun troch… de plysjeman dy’t de dea fan myn pake op syn gewisse hie. Tramtearre en dweiltrochwiet fytsten wy nei hûs. Ik ha it besykjen fan de plysjeman om my te ferdrinken dêrnei noch faak oan oaren ferteld. Allinne thús woenen se my leauwe.

En ik? It is krekt oft ik sont myn bernejierren it libbensfertriet yn alle parten fan myn lichem opslein haw. Al sûnt jier en dei hâlde de oarlochsûnderfinings fan myn famylje my yn de besnijing en der fan loskomme slagget my net. No’t ik hjir midden yn dit wrydske boulân by de seedyk stean, komt de pine wer opnij op my oan. Hoe reitsje ik yn godsnamme dat wrange ferhaal ea ris kwyt?

Leave pake, ik haw dy nea kinnen, do hast nea in grêf krige, mar foar my bisto in held. Ik hâld fan dy.

Mear fan Geertje Kingma

Deursneden lând Ik sette myn fyts del en staand in de wide rúmte bij de see, in dut útgestrekte groene kwelderlând, keek ik om my hine.