image Fers2

Memoire

Kofje en tafelhimmelje

Antsje Swart - Fers2 3.17, 29 oktober 2017

Wadman kaam net, Wadman kaam nea. Fierder kamen alle Fryske skriuwers wol by ús, Trinus en my, del yn Loaijingea en letter yn Gau. Geregeldwei hiene wy Tjitte Piebenga, Douwe Tamminga, Ype Poortinga, Josse de Haan, Jan Wybenga, Gerard Reve en Jan Bylsma op de tee. Jan Bylsma wenne yn it Hearrefean. Dêr kaam doe in rotonde. Dy hiene wy noch net yn it Fryslân fan de jierren sechstich. It wie nij en Jan sei fan hearlik, sa’n dyk dy’t nearne hinne giet en ried rûntsjes foar’t er lang om let de dyk nei ús ynsloech.

Jûns wie net gebrûklik. Faak kamen se op ’e sneintemiddei. Tamminga en frou steefêst op ’e fyts út Snits wei, ek dy hoegden blykber lykas wy net nei tsjerke; oer tsjerke ha wy nea praat. Smoken yn ’e hûs wie noch hiel gewoan. Underwizers kamen meast út de arbeiderslaach, dus sjekjes, gjin sigaren, wol no en dan piip want dat wie artistyk, yn alle gefallen: it hûs stie altyd blau. Nijsgjirrich is fansels hoe’t de petearen dan giene en hoe’t dêr miskien de literatuer út groeide. Mar dat wit ik net. Ik wie der net by.

Want ik makke tee en kofje en tafelhimmele en ik gie mei frou Tamminga of frou De Haan en mei alle bern bûtendoar, simmerdeis nei de blikke en winters te kuierjen. Dan koene de manlju prate — behalven Tiny Mulder hiene wy gjin froulike skriuwers. Tjitte Piebenga kende ik it wurk fan (want ik bin op myn achttjinde op Fryske les gien nei’t ik yn de krante in besprek lies fan Tjitte Piebenga syn bondel). De oaren har wurk lies ik letter. Mar de skriuwer fan it wurk learde ik amper kennen. Ik beoardiele de skriuwers, en eventueel ek har wurk, oan hoe aardich oft har frou wie. Want dêr hie ik yn it earste plak mei te meitsjen. De Tamminga’s wiene leave minsken.

Wat sympaty oanbelanget, de tiid fan it opskuor oer Trinus syn Minskrotten-Rotminsken, hat ús wol leard wa’t freonen wiene en wa inkeld kollega’s foar wa’t ik kofje set ha. Wadman moat fan syn Smearlappen dochs witten ha wat it gefolch is fan in konfrontearjende roman yn Fryslân. Wy ha neat fan him heard yn dy tiid. Jan Bylsma wie der op de jûn fan it proses, om te sjen hoe’t Trinus werom kaam, om him op te fangen.

Reve wie oars. Dy hie gjin frou, Teigetje brocht him mei de auto en dy stjoerde er dan nei hûs. Hy makke ek net sels kofje. Mar hy gie op ’e hoksen, want oeral leine by ús autokes en oar boarters­guod oer it hûs, om mei de bern te boartsjen. Doe’t de jongste gûlde yn it stek en ik sei dat ik him boppe yn ’t ledikantsje lizze soe, woe Reve dat perfoarst net lije, men bringt sa’n lyts minskje net fansiden yn in oare keamer, dat liket nergens op. Hy woe it popke by him hâlde, hopste it op ’e knibbel, al pratend oer literatuer, of, want dat wie dy tiid, meast oer hoe ’t it wrâldsje de literatuer ûntfong, dy fan Trinus en ek dy fan him, oant it bern der stil fan waard.

Boekebal

Antsje Swart - Fers2 3.18, 12 novimber 2017

image Fers2

Fabryk hie sa’n grutte opskuor jûn, oeral, binnen in pear moannen, dat it boek al nasjonale bekendheid hie en de Hollânske oersetting der al wie fier foar’t de Gysbert-Japicxpriis kaam. De útjouwer, Nijgh & Van Ditmar yn Amsterdam, joech in pear jier letter ek de oersetting út fan it tredde boek—Trinus hie nei Fabryk earst in lyts boekje skreaun. Se woene dat tredde boek, Minskrotten-Rotminsken, klear hawwe foar de boekewike, yn ’e maityd. Tuskentroch kaam wat se tink ik morele panyk neame om Minskrotten-Rotminsken hinne, de takenning fan ’e Gysbert oan Fabryk en de útnoeging fan Nijgh & Van Ditmar foar it Nederlânske boekebal.

Mei âld en nij hiene wy by Trinus syn heit en mem yn Ferwert west. Werom yn ’e bus nei Gau hiene wy it noch hân oer de fijannigens yn it doarpke en wy wiene derop útkommen dat de minsken net allegearre like bekrompen wiene, jo moasten it net oerdriuwe. De bussjauffeur wie in aardige man, sette ús altyd foar hûs ôf ynstee fan by de halte. Dat wy stappe út mei de bern en sjogge ús foardoar ûnder de dong en dan de gevel hielendal ûnder de kluten stront en alles út ús túntsje skuord. De boer oan ’e oare kant fan ’e dyk siet altyd mei de fierekiker foar ’t rút, foar as in buorfrou de poppe oan ’t boarst hie, mar oft er de âldjiersstreek sjoen hie, komme jo net efter. Yn alle gefallen hat syn feint holpen mei skjinmeitsjen. Nei in pear wiken kamen de krantelju, dy rûkten skandaal, en dêrnei de radio en tillefyzje.

By de Gysbert-Japicxpriisútrikking paste frou De Groot thús op Li. De âldste trije hienen wy mei nei Boalsert. De beppes en pakes wiene der ek, dy koene har wol yn ’e gaten hâlde. Mar ik moast nei it tasprakepart nei hûs om it bern de boarst te jaan en dêrnei dan wer werom nei Boalsert. De Gysbert-Japicxpriis is der net foar jonge lju mei in jong húshâlden en popkes. Ek wie it sa dat frou de Groot wol altyd op alle popkes paste, mar bliuwe te sliepen, dat die hja net. Tink net dat it net yngewikkeld wie as jo nei wat offisjeels ta woene of moasten. Mar yn maart 1968 hiene wy oppas foar de bern.

Trinus hie tink ik nea yn Amsterdam west, ik ek net, mar jo kenden fansels de ferhalen fan de ûnseedlikens, banneleazens en misdiedigens. Autoride koene wy beide net; wy namen de trein. It wie begjin fan ’e jûn dat wy oankamen, de jûn fan it boekebal, iere maityd mar simmerwaar, de sinne al ûnder mar waarm op ’e dyk. Us útjouwer, dêr’t wy útfanhuzen, wenne oan ’e oare kant fan it Sintraal Stasjon, op twa-heech oan in grêft, flakby de Zeedijk dy’t bekend stie as it hert fan ’e liderlikheid. Wy moasten sliepe op in loftbêd yn ’e keuken. Wat binne dy huzen yn Amsterdam, as jo dat net witte, dochs behyplik, alles like krap en skean. Mar fierder moai ienfâldich en net te deftich. En wy praten Ingelsk om’t it wiif fan de útjouwer gjin Frysk koe.

It boekebal wie yn de Sandbergwjok fan it Stedelijk Museum. Ik haw neffens my net ien Fryske skriuwer sjoen dêr. Doe’t wy deryn kamen siet Adriaan van der Veen dêr oan in lange tafel. Dy kenden wy, Van der Veen hie in kear by ús yn Gau west mei Douwe Tamminga mei, dy twa wiene befreone. Der rûnen hieltyd skriuwers op ús ta. Van der Veen makke Trinus bekend oan har. Mulish kaam derby te sitten, Hermans; Wolkers stiet my neat mear fan by, mar dy klup.

Minister van kultuer Klompé die de taspraak. Freegje my net wêr’t it oer gie. Fryske taspraken bestiene noch net. Ik kin my net te binne bringe dat Trinus sels kontakten makke, hy stapte net op minsken ôf, sa haw ik him nea kend, mar sa gie dy jûn ek net. Se hiene in moadeshow-wedstriid, dat wy sieten inoar te wizen fan Sjoch dy jurk! en fan Sjoch dy skriuwer! as dy by de frou hearde dy’t yn de jurk siet. Trinus wie altyd netsjes klaaid. Doe in donker jaske, fierder wit ik net mear, mar it stie him hiel moai. Ik hie in readeftich jurkje oan mei skeane strepen, koarte mouwen, kocht yn Snits, moai koart. Wol wat kâld, mar it koe wol lije yn Amsterdam.

Ek ha wy ús wat fernuvere oer guon skriuwers. Simon Vinkenoog stelde him o sa oan, dat die er altyd, in grut bern. Wy dronken wat, Trinus bier of in jonkje, want wyn mocht er net, en in drinker wie er noch net want drank koene wy deagewoan net betelje—dêr wie alles fergees. Ik kin my net yn’t sin bringe dat der dûnse waard. It wie wol hiel gesellich en der wie moaie muzyk, gjin pop, mear wals- en dûnsmuzyk, mar dûnse waard der net, of net dat ik wit. En Trinus en ik hawwe mei wissens net dûnse: Trinus dûnse nea. Dat wy ha de boel wat observearre. Mar elkenien die lykas wy: dronk wat, kaam yn ’e kunde mei in pear skriuwers, prate wat en gie wer nei hûs.

De oare moarns rûn ik mei de útjouwersfrou mei te boadskipjen. Elkenien, de bakker, de grienteboer, wie like freonlik, men kende inoar, men wie noflik. Se hiene âlderwetsk goeie bôle, dêr op ’e Zeedijk.

De ‘gewoane’ minsken

Antsje Swart - Fers2 3.19, 26 novimber 2017

image Fers2

It wie yn de maityd fan ’58 dat Jaep Dykstra, Jehannes Terpstra, Jante Geartsma, Anne Akkerman, Trinus, en grif noch in pear oaren dêr’t ik de nammen net fan paraat haw, fergaderen. In hiel wykein lang. Se wiene de redaksjeleden fan De Gouden Tiid, it tydskrift fan de Kristlik Fryske Jongerein. Yn namme noch kristlik, mar begûn de tsjerke net sels ek oars oer maatskiplike ferhâldingen te tinken? Yn alle gefallen wiene de Gouden Tiid-skriuwers net fan doel om it gesach fan de tradisjonele Tsjerne-redaksje yn de literêre sfear samar te ekennen.

De KFJ en De Gouden Tiid wiene fan betinken dat De Tsjerne heech boppe de wrâld hong, isolearre. Se woene wat De Tsjerne net die: skriuwe mei in krityske blik op de maatskippij. Se woene har rjochtsje op wat der op literêr en maatskiplik mêd yn it bûtenlân barde. Trinus prate oer Sartre, rette my oan dy te lêzen. De commitment, mar sa hjitte dat doe net, fan de keunstner lei net by wat hegers. Se woene mei beide fuotten op ’e grûn stean.

Skriuwe foar de minsken dêr’t jo ek oer skriuwe, dus foar de ‘gewoane’ doarpsbewenners yn Fryslân, mei ienfâldich taalgebrûk, yn in losse styl mei wat humor derby, dat woene De Gouden Tiid-skriuwers. Dat wie in nij eksperimint, want: it wie wat oars as De Tsjerne! Jo koene net om De Tsjerne hinne. Douwe Tamminga stipe de jongerein gelokkich wol. Oars krige in nij lûd gjin kâns.

Trinus skreau in soad proaza, meastal oer de dingen dy’t er seach: de ûlebuorden op de pleatsen, de minsken dy’t er moete. Hy makke in lange fytstocht by de Noard-Dútske kust lâns, om it libben op it plattelân fan de East-Friezen dêr te ferlykjen mei it libben fan de kustbewenners fan syn eigen Fryslân, dêr’t er weikaam, Ferwert. Hy ferdjipte him yn de âlde Fryske skiednis, mar ferbûn dy mei it hjir en no. Der kamen trekkers, bygelyks, net ien foar ien mar in hiel soad tagelyk. De boeren hiene minder ferlet fan hynders mar ek fan arbeiders. De smidderijen hiene minder wurk. Ynienen folle minder wurk op it lân, en hast gjinien learde doe in fak, dat skuorde de doarpen út har ferbân.

Hoe’t de feroaring fan dy boeredoarpkes op persoanlik nivo wie, dat fielber meitsje, dat wie Trinus syn doel: sadat it jo yn it hert rekke. Skriuwe as in film troch de eagen fan wa’t der middenyn siet, alle ellinde direkt yn byld. Hy hat ek ris sein dat er der science fiction fan meitsje woe. Hy hie in pear boeken fan Jules Verne fan syn broer Sytse krigen, op dy manier woe er it oanpakke, mear it systeem sjen litte. Mar it is gjin SF wurden en yn de rin fan de jierren, fan dy Gouden Tiid-gearkomste oant Trinus besleat skriuwer te wurden en foar Fabryk sitten gie, feroare dat doel net wêzentlik.

It hie him samar op it lân ôfspylje kinnen. In boerefeint foar de hynders, yn Sint Anne, dy’t geweldich goed mei hynders wie mar net trekkerride koe en dien krige doe’t de trekker de hynders ferfong, die himsels tekoart – dêr sit in roman yn. Mar de opkommende yndustry kaam it hurdst oan. It “Fabryk”, it kondinsfabryk yn Ljouwert, ja Fryslân fleant mei yn de feart fan de folken! sa waard foarsein. Ek waard de negative kant fan de wurkgelegenheid en wolfeart troch fabriken, dus hoe’t in dei gie foar in fabryksarbeider, it ûnderwerp, om’t it foar Trinus net in fier-fan-myn-bêd-ding wie: Trinus syn âldste broer hie it fabrykswurk net folholden. De wikseljende wurktiden, it wurkjen as in masine, it wie him te swier. Mei syn broer as fiksjepersonaazje, en troch dy syn omstannichheden sjen te litten as stiene jo derneist, koe er it oangripende byld jaan dat er socht.

Hy wurke twa moannen op it kondinsfabryk en skreau op wat er sels seach en wat er hearde fan syn kollega’s yn de ploegen. De positive reaksjes op Fabryk dy’t Trinus krige fan lju dy’t op it Kondinsfabryk wurken, joegen him it gefoel dat it him slagge wie.

Mar yn it keursliif fan De Tsjerne hie Fabryk net kinnen.

Mismakke

Antsje Swart - Fers2 3.20, 10 desimber 2017

image Fers2

It ûnderwizershûs yn Gau dêr’t er rjocht op hie, dêr gie de bewenner net út. De kristlike skoalle koe neat dwaan want dy man wie de soan fan in grutte kristlike boer. Dus de fêste baan op skoalle makke gjin ein oan ’e lange fytstochten: alle dagen útsein snein fan Loaijingea nei Gau hinne en wer en fjouwer kear yn ’e wike twa kear deis om’t er middeis thúskaam te waarmiten. Ek moast er alle wiken nei de Fryske Akademy foar syn stúdzje, fêstigheid betsjutte faak fuort. En no en dan nei gearkomsten fan ’e Kristlik Fryske Jongerein en faak nei oerlizzen fan De Gouden Tiid.

Hy siet dus net ôfsnijd fan de wrâld yn Loaijingea, al hie er mar in pear boeken; krante en radio hiene wy net en bibleteek en boekhannel wiene yn Snits. Mar de stof foar Trinus syn romans kaam net út oare literatuer of út it wrâldbarren. Hy socht dêr net om. De stof kaam út de gewoane deistige dingen en dy sochten him wol op, ommers syn fak brocht in protte praten mei him mei. Doarpsrabberijen jawis, dy oarderen minsken har wrâld. Mar ek wat wy seagen as wiisheid troch it libben, ynstee fan troch stúdzje. It is goed mooglik dat it Trinus net om de ynhâld fan it praat gie, mar om de manier fan fertellen, de wurden en gebearten. Ek wie der lang om let eigen romte om te skriuwen en lêzen, nei earder in bêd ûnder in skean dak of it iennichste ferwaarmde en ferljochte plak yn ’e hûs diele mei oaren. Romte en tiid om te skriuwen sa’t it him it bêste útkaam wie foar him frijheid. Hy woe ‘frij libje’ – hy wie 24.

Om healwei fjouweren kaam er thús, wy dronken tee en dan hie er it ryk allinne, want ik kuiere mei de bern of sette har yn it fytssitsje, oant healwei seizen, en nei it kofje drinken, bôle iten en bern op bêd, skreau Trinus fierder, oan de rûne tafel dy’t er sels timmere hie en by de koalekachel dêr’t jo op itensiede koene en dy’t wy foar tritich gûne kocht hiene. Faak oant djip yn ’e nacht, wat ferfelend wie want dan koe ik him moarns net wekker krije en master Boersma stie mei it horloazje yn ’e hân op Trinus te wachtsjen.

Trinus like nea samar wat te dwaan, oer alles wat er skreau tocht er lang nei, hy wie net in efterinoar op ’e automatyske piloat trochskriuwer en dan skrasser. Oerrinnende kladdekuorren en proppen oer it hûs, haw ik nea sjoen, dêr wie er grif te sunich foar. Hy hie in wurkskema, mar dat like ien mei in wurdtal te wêzen, ik wit it net, mar dat ferklearret it nachtlik bodzjen as er syn sifer net helje koe en ek dat der geregeld tiid wie om, jûns as de bern fansiden wiene, my foar te lêzen. Dat minder om myn reaksje as om sels te hearren hoe’t it klonk. Klank en ritme wiene wichtich, net, tink ik, om it lyryske fan ’e taal, mar mei it doel fan in naturel en earlik Frysk idioom.

Foar it twadde boek, dêr’t swierwêzen en miskream yn foarkomme, hie Trinus ferlet fan wat medyske kennis. Hy prate mei dokter Kerbert en dy liende him in wiidweidich boek oer swierens en misberte, yllustrearre, de softenontrageedzje hie krekt west, dus fol mei plaatsjes fan groulike misfoarmingen. Trinus hat it trochwurke en dêrnei syn boek skreaun. Efterôf tink ik dat net it boek sels de skriuwstof levere. In skriuwer hoecht eat net werklik mei te meitsjen om it as echt te beskriuwen. Underdompeling in it fabrykslibben koe ek net mear mei baan en bern. Mar him foarstelle dat in beskaat foarfal him oerkaam, kin ek, as mar de emoasjes by sa’n foarfal sa wier mooglik binne. No, ik wie swier. Ik woe net hearre wat der misgean koe hoe’t dat derút seach. De grize rint my noch oer de grouwe.

Radio

Antsje Swart - Fers2 4.2, 28 jannewaris 2018

image Fers2

De winter wie sa strang dat de kessens oan it bêd fêstfrearen. Wy hiene mûzen yn ’e ledikantsjes fan ’e bern, op ’e syk nei waarmte. Trinus gie der moarns earst ôf om de kachel oan te stekken. Josels waskje diene jo hiel hastich, om de bern te waskjen moast it hûs earst goed waarm wêze en dat barde krekt as de sinne op ’e ruten kaam. Trinus wie eigentlik nea siik mar hy krige alle winters gryp en dan bleau er in hiele wike binnendoarren. It kin ek wêze dat de skoalle om in oare reden ticht wie, lykas iisfrij, mar yn alle gefallen wie Trinus thús doe’t de alvestêdetocht fan 1963 riden waard.

Ik hie in lyts read transistorradioke krigen, ik wit net mear fan wa. In krante hiene wy net, tillefyzje ek net. Der wie doe noch mar krekt tillefyzje, inkeld yn ’e jûnsoeren, mar de alvestêdetocht soe live ferslein wurde. Dat wie hiel wat en efterôf is it ek mislearre. Der wie gjin nijs, de presintator siet mar wat te smoken en syn tiid fol te praten. Wy wisten dat net, mar Trinus soe it wol moai fûn ha want hy wie op tillefyzje tsjin. Tillefyzje wie net goed foar bern. Net dat er ideeën hie oer it opfieden fan de bern, útsein dat nei earste trije it dopen en de tsjerke hielendal oer wie, mar tillefyzje sjen mochten se net. It barde wol hear, by buorfrou op woansdeitemiddei. Dat ferswijden wy.

Sels seach er prinsipjeel gjin tillefyzje, mar foar de útstjoering dy’t oer him makke is, troch Pieter Verhoeff en Jan de Bont, nei oanlieding fan syn ûntslach en wer opnij oannimmen, dêr is doe in útsûndering foar makke. Trinus hat dêrnei op âldjiersjûn, by myn âlden, dy’t ek noch gjin tillefyzje hiene, in impromptu stik opfierd, tusken de skoduorren sis mar, tegearre mei myn broer Nanne. Dy spile de sjoernalist en Trinus dan de kontroversjele, dwerse skriuwer. Sa late de tillefyzje ta keunst, no, en dan koe it wol.

De ferhalefertellerij is hiel hurd feroare mei de tillefyzje dy’t it finster op ’e wrâld wurden is. Earder kamen jo de dingen dy’t net direkt om jo hinne barden te witten om’t minsken jo fanalles fertelden. Trinus syn broer Sytse kaam alle sneontemiddeis del yn Loaijingea en fertelde hoe’t it der yn Amsterdam oan tagie. Grif bûnt kleure ferhalen, mar wat makke dat út. Foar Trinus siet der altyd wol wat brûkbers by, tink ik. It gie ek lang net altyd om wat mar faak om hoe’t se it bringe. Sterke ferhalen kinne nea te sterk wurde, want dan leauwt nimmen jo noch. Dêr harke Trinus tink ik nei. It punt dat it ferhaal krekt net al te idioat wurdt is in wichtich ding yn it fertellen fan persoanlike ûnderfiningen, mar ek foar in romanskriuwer dy’t yn it realisme bliuwe wol en dêrom just ek echte fertelwizen net ôfwiist.

Wy hiene it radioke op ’e tafel delset en dêr ha wy mei syn beiden de hiele dei nei sitten te harkjen. Hiel yntinsyf. Om’t it sa barre kâld wie en likegoed fierstente folle minsken op it iis en iis fol skuorren ensafuorthinne, wiene de ferslachjouwers net neutraal en formeel lykas oars. Se wiene o sa belutsen. Se fertelden oandien oer de folhâlders en opjouwers en fol fjoer oer de wûnderbaarlike winner fan de tocht. En it wie gjin harkspul. Hoe bûtenierdsk oft it ek klonk, it barde echt en op it momint sels.

In pear jier nei de alvestêdtocht kaam it boek út dat opdroegen is oan Jo Smit, de radioman. Mar krekt folle letter foel my op dat it radioferslach, fan dy Hanenburg dy’t middenyn ’e simmer, op lokaasje by de start by it Ljouwerter krantegebou, in direkt ferslach jout fan in koartebaanswimwedstriid yn natuerwetter, in bewurking is fan it ferslach fan de hiele lange wedstriid op natueriis. It giet net sasear om de ynhâld mar om it medium. Bygelyks moat de radioharker hieltyd witte dat it echt en no is. Dat makket aparte taal, fan ‘ik stean no dêr en dêr en ik sjoch op krekt op dit stuit …’, taal dus dy’t net bestiet, útsein op ’e radio. Taal dy’t makket dat jo it foar wier nimme, hoe absurd oft it feitlik ek is. Mei achttjin ûnder nul mei syn allen it iis op en de keninginne dy’t komt te sjen, dat betinke jo net.

Flak dernei komt dan it ynterview mei de dwerse skriuwer, earder in alter ego as in persona. Dy wol fan twingende skema’s, wurdkwotums en ferplichting oan syn personaazjes ôf en tenei fleurich skriuwe, mar stapt úteinlik beslist net út it skript dat de lêzer as oannimlik sjocht. In skriuwer moat in bytsje lije, benammen ûnder himsels. In soargeleaze skriuwer, dat is in te sterk ferhaal.

Wierheid

Antsje Swart - Fers2 4.5, 11 maart 2018

image Fers2

Der kaam gjin pamflet. Hy fertelde it allinne my en ik gniisde derom. It wie in echte Trinusgrap. Trinus wie piipjong en in bytsje tsjin as ynstelling. Provosearjend yn ’e bedriigjend grutte wrâld lykas in soad jonge skriuwers, woe er dalik nei de hiele wrâld ta raze fan syn radikaal en raar en ûnmooglik doel. “Ik sil in boek skriuwe dat de bibel oerstallich makket.”

Wêrom de bibel? Jo krigen in bibel fan ’e tsjerke as jo trouden, foar it kristlik grutbringen fan ’e bern. Wy lieten ús bern net dope, hiene wy al lang ôfpraat. Dat wy dy troubibel earne hiene, kin ik my net yn ’t sin bringe en ek net dat wy him mist hawwe. In bibel fuortsmite, yn ’e sleat of de kachel, doarde Trinus net heal, mar it hoegde net want hy wie út himsels ferdwûn. Tsjerke wie ek al oerstallich. Sûnt militêre tsjinst hie Trinus der net mear west. Yn dy jierren besleaten alle sneinen opnij hûnderten Nederlanners en ek Trinus syn broer Sytse om mar net te tsjerkjen. Wy wiene net in foarhoede.

Twivelders wiene wy ek beslist net. Wrakselders, ompakkers mei it leauwe, wolnee. Net dat Trinus in eksistinsjalist wie fan it type ‘god is dea’. Hielendal gjin eksistinsjalist tink ik, want it absurde, om’t de minske net by steat is de djippere betsjutting fan it libben te finen, soe er ôfwiisd hawwe. Hy, Trinus, koe it libben sûnder mear begripe. Eksistinsjalistyske fragen oer hoe’t jo der wis fan wêze koene dat jo de wrâld fetsje koene en dat jo him goed sjoen hiene, hold er him net mei dwaande. De minsken dy’t har wrâld it bêste begriepen wiene de minsken dy’t der middenyn stiene en it lot sels ûndergiene en mei harren prate Trinus. Politisy en pommeranten fier fuort wisten neat fan it wiere libben. Wierheid hong ôf fan wa’t it fertelde, wie de fûstregel.

It lei hielendal net yn Trinus syn aard om te twiveljen. Bêst mooglik dat syn god libbe. Hy makke gekheid, ta ferdjipping liet er it net komme, ik wit it net. Mar wêrom soe Trinus syn leauwe kwytrekke wêze yn in boppenatuerlike entiteit dy’t mei it skeppen fan it minskdom in ferstannich doel foar eagen hat? Wol wie wat der allegearre yn ’e bibel stie net wier. En dat it doel mei de minske wie dat dy lije moast, dat koe net wier wêze.

Fan de wierheid wiene jo nea wis, dat wie it iennichste ferskil tusken ferhaal en wierheid. In ferhaal hoegde net wier te wêzen, jo mochten lige, mar dan sizze dat it de wierheid is koe fansels net. Prakkesearje oer wat wierheid dan wol is, wie wat foar Wadman; net foar Trinus. Dy stie mei de klompen yn ’e klaai, ideeën oer wierheid hie er net. Mar de kwestje mei Minskrotten-Rotminsken wie net it lykstellen fan skriuwer en goddeleas boek, dus dat it doarp Gau it lies as “master leart ús.” It wie dat de ûnkristlike wurden sels ûnakseptabel wiene, je skriuwe soks net op, ek al hie Trinus sein fan jo moatte net alles foar wier nimme wat se skriuwe. Mar Trinus naam gjin ôfstân fan wat er skreau.

Mei syn sizzen en dwaan daagde er oaren út, sei er efterôf, as “ûndersyk”, om hoe’t minsken reagearren te brûken yn syn ferhalen. Dat ien lêst ha kin fan dy manipulaasjes kinne jo gjin rekken mei hâlde. En as in oar tinkt dat jo net de geskikte persoan binne om útlis fan ’e wrâld te jaan of jo slotsom net goed achtet, moat dy oar mar fan him ôfbite. Jo wurd is wierheid wie oant oaren it bestride, ek as it oer in oar syn boek giet. Dat hat him syn freonskip mei Jan Bylsma koste, dy seagen wy op in stuit net mear. Trinus sei net fan ik siet mis. Dat wie slop, in Fries docht dat net. “Bilkerts wol”, sei er der nammers by. Mar yn de Minskrottenaffêre liet Trinus, dy’t osa man fan ’e klok wie, sekuer fiif oere kofje en seis oere ite, dat mei leafde los foar de fraachpetearen en stipebesites yn dy wiken. Dy lju wiene it mei him iens. Syn ferhaal waard dêrtroch hieltyd wierder. Lit dan de kofje mar om twa oer fiven komme.

It boek dat de bibel oerstallich meitsje soe wie bedoeld as útdaging, serieus. Mar bliken die al gau dat Trinus net fier kaam as angry young man tsjin de fêstige oarder. Yn ’e Minskrottentiid noegen in stikmannich dûmnys ús út. Gjin fan harren besocht ús it rjochte paad wer op te helpen, earder miskien woene hja it bekrompen imago fan de tsjerke opbetterje. Mar de grap wie dat de útnoegingen ôfsizze net koe om’t jo as ûnderwizer ta de doarpske boppelaach hearden, hoe angry oft jo ek wiene.

Geregeldwei stie Trinus yn ’e blikke te deklamearjen, lûd galmjend, yn Loaijingea hearde dochs gjinien him, út Preker. Dat bibelboek is favoryt yn de westerske literatuer, al wisten wy dat doe hielendal net, mar Trinus pikte yntuïtyf de rigels oer de futiliteit fan it kennen fan de wierheid en it missen fan hurd ûnderskied tusken wier en ûnwier derút. “Wês net al te rjochtfeardich en doch net al te wiis, dêr ha je allinne mar lêst fan.” “Hwa kin rjocht meitsje dat Hy krom makke hat.” “Ik sis neat ta, dan hoech ik der ek net foar te beteljen.” “Idelheid fan de idelheden, alles is idelheid, ik de preker bin kening fan Loaijingea en ik meitsje grutte wurken!” Sa bedarre yn syn boek, dat de bettere bibel wie, de god fan stront en jiske.

Freonskip

Antsje Swart - Fers2 4.9, 6 maaie 2018

image Fers2

Trinus hechte net sa oan syn freonen of oan freonskip.” In staf-oer-nacht oantekening wie dat, dêr’t ik de oare dei wol bewiis foar sykje soe. Trinus hat by myn witten nea sein fan ik jou net om freonskip, al hie sa’n nytgjende útspraak krekt wat foar him west. Hie er it wol roppen, wie it dan, sjoen de withoefolle provokaasjes, wol bewiis?

Hy wie santjin, ik fjirtjin. In feestwike yn Sint Anne luts lju út alle hoeken oan. In ploech Ferwerter jonges kaam op ’e fyts. Myn freondinnekliber flanearre derefter oan. Ien jonge hie gleonread hier en in gitaar. En ynienen wie dy fuort, by syn freonen weislûpt om op in stil plakje ûnder in treurwylch Fryske ferskes te sjongen. In pear dagen letter kamen de jonges opnij, oansjitsk no. Trinus makke gekheid en lake om ús Biltsk, mar hy stie wat los fan syn maten en die net rjocht mei. Held moetet heldin en dêr is it romantysk obstakel: hy is in ienling.

Fabryk hat, op frou en bern nei, allinne personaazjes mei efternammen. “Oant jûn, Sybesma.” Sybesma sprekt de ik-figuer oan mei “jong”. De ôfstân dy’t dat skept fan “ik” nei Sybesma (en Bouma en De Jong)! Wylst Sybesma mei in poppenamme besiket tichterby te kommen. Us lêsrûnte, dêr’t wy koartlyn Fabryk behannelen, seach my oan. Trinus lies my eartiids alle jûnen foar wat er nij skreaun hie. Mar it foel gewoan net op dat de “ik” potinsjele freonen op earmslingte hold. It boek giet oer ferfrjemding.

Skoalkammeraten hie Trinus net, fertelde syn mem. Yn it frij kertier boarte er wat mei jonges út de klasse, mar nei skoalle gie er allinne nei hûs. Dêr nifele er en lies. Hy koe sa fluch lêze dat er in klasse oerslaan mocht. By de gruttere bern freonen meitsje, slagge him lykwols ek net. In buorjonkje kaam wol ris te boartsjen. Dy woe de Ferwerter lantearnpeallen beklimme en fuotbalje mei in grouwe stien – in bal hie er net. Trinus yn in lantearnpeal! Dat efterhûs die er proefkes mei tûkjes, bledsjes, wjirmen en kikkerts, oerenlang stil op ien plakje. Dêr komt de anekdoate wei fan de simmerdei dat de sinne stadich nei Trinus syn skaadplakje krûpt wie en dêr stie te baarnen. Syn mem warskôge: “Jonge, gean út dy gleone sinne wei.” Mar Trinus wegere: “Ik wie hjir earst.”

Minskrotten-Rotminsken syn “ik” hat wis wat slimmers as inkeld in minne dei lykas yn Fabryk. Alle soarten konfrontasjoneel hâlden en dragen komme foar. Doelberet sels-ôfsûnderjen, nearzich narsisme en geweld, sei de lêsklup. Mei “bêste freonen” sprekt “ik” syn lêzers oan; anonime lju dus: “Ja freonen, sa is it libben.” As “ik” kleit dat er wurkje moat wylst “in goede freon op ’e dea wachtet”, doelt er op syn Doppelgänger-figuer: hy is sels syn goeie freon.

Geregeldwei ferkuollen ferhâldingen; immen liet ’m net mear sjen. Mar inkeldris wie ik der by dat it eskalearre. Yn ús ‘grutte seal’ yn Frjentsjer, praten se oer de stikken dy’t yn Trotwaer of sa moasten, ik kaam der krekt yn mei de kofje. Trinus spatte op: “It giet oer neat, dit geouwehoer set gjin soaden oan ’e dyk!” Syn opstowen trof ek yntime freonen. Frege ik wat is deroan, dan sei er dat er útdage waard. Har ûnnoazel praat ferfeelde: “Der moat beweging yn komme, en dan moatte je der wol op ynhakke.” Ek in besiking wie “it wie moai waar.” Dan “moasten jo wat dwaan.” Sa stjoerde er my syn ferlovingsring werom yn in slûf mei in âldtestamintyske útlis: “Der is gjin balsum mear in Gilead.”

Al wurdt De hite simmer ferteld troch in direkt belutsene, in alwittende ferteller en in skriuwersfiguer dy’t oer dy twa beskikt, it boek giet oer de bûtensteander. Der is gjin sprake fan djip kontakt mei de minsken, meidwaan oan it barren of gryp op de saak: “En dat petear fan juster, dêr bin ik sa wurch fan as in hûn. En by einsluten, wat hat it opsmiten?” Mar sizze figueren eat oer de skriuwer?

Trinus, al 16 en sterk, skopte syn hûn ris efterinoar. De hûn jankte. Syn mem rôp hâld op. Mar de hûn fertsjinne it op ’e proef stellen, sei Trinus: “Dan moat er mar wat dwaan.” Dat hûnen no ienris net fan har ôfbite, likemin as de measte freonen, en dat Trinus syn “wekker skodzjen” net “eigen skuld” wie, woe der net yn. De KFJ-fammen en skriuwers yn De Gouden Tiid, Anne Akkerman en Jante Geartsma, en Jehannes Terpstra, Jo Smit en Tony Feitsma bleaune altyd goeie freonen. Trinus hat nea it wan foar de kont krigen dêr’t er soms wol in bytsje ferlet fan hie.

Demokrasy

Antsje Swart - Fers2 4.12, 17 juny 2018

image Fers2

Demokratisearring stekwurdwize, Bill Haley, ’58 of ’59: op ’e Kristlik Fryske Jongerein-jûnen folksdûnsen wy. Dat makket dalik dúdlik hoe’t Fryslân him yn ’e jierren fyftich ôfskerme tsjin de feroaring yn ‘Hollân’ en de reboelje yn Frankryk dy’t al broeide by de ‘rebelske jongerein’. “Fryslân frij” en “De Lauwerssee moat ticht” wiene de iennichste ‘opstannige’ gjalpen dy’t de KFJ-jongerein op ’e dyk rôpen. Trinus skreau oer ûleboerdtradysje. De wrâldpolityk kaam noch net op it plattelân.

Fan polityk wisten wy neat. Stimme mochten wy krekt op ús 24-ste. Foar Trinus wie dat wat syn âlden stimden, de Antyrevolúsjo­nêren, want “mun koe de minsken en mun vist vêrt se fwar stienen”, sa’t De Reade Bwarre fertelt. Progressive polityk wie net fansels better, mar feroaringen útprobearje wie er altyd foar: om te sjen oant hoe fier men gean koe mei it minskdom.

Mei-inoar prate wie de bêste manier om dingen te regeljen en net sterk liederskip. Oer it kommunisme sei Trinus: “As se mar efter it izeren gerdyn bliuwe.” Dat wie, om’t it fier fuort wie en swartwyt yn ’e krante kaam, it klisjee nei it delslaan fan de Hongaarske opstân. Wat Sartre dêroer sei hiene wy gjin aan fan. Krekt letter soe it eksistinsjalisme hip wurde. En hoe’t it regeljen fan de wâld dan wol organisearre wurde moast? It gie – ek Trinus – benammen om jin te warjen tsjin De Haach.

It folksinisjatyf om de Lauwerssee te damjen wie, tochten wy, om’t De Haach Fryslân net beskermje woe tsjin in deadlike oerstreaming. De KFJ helle hantekeningen op, Trinus yn Ferwert, ik holp him mei Sint Anne. Minsken mei libbensûnderfining kinne likegoed meiprate as minsken dy’t derop studearre hawwe, sei Trinus. Ik besaude my oer de trijetûzen dy’t ik samar ophelle. En de iennichste dy’t net tekenje woe, ek al tekenen al syn klanten wol, wie de hearekapper want dy mocht graach fiskje yn ’e Lauwerssee.

Trinus sei dat er neat hie mei macht. It die him oan syn bernetiid tinken: fjochtsje mei it buorjonkje en dy dan de baas spylje mar hurd nei hûs as mem op ’t rút tikt. Letter joech it spul om it tydskrift De Tsjerne hinne him tink ik gelyk.

By ús trouwen sei Trinus dat er tolve soannen ha woe, in idée fixe út de bibel. It begûn goed, de earste wie in soan. Mar de berte gie hiel fluch en Trinus wie der net by. Hy wie lilk. By de twadde gie it al mis. Dat gie noch hurder en it wie snein. Dokter moast út de tsjerke helle wurde, mar lit se de skonken mar oanknipe, tocht dy. Sa wie Trinus der wer net by en ek wie it in dochter. Mar macht om’t ik mei in hûs fol bern nea in eigen ynkommen fertsjinje soe, soks kaam net by Trinus op. Yn ’e lytse Fryske doarpkes koe amper wat oan de ûngelykheid feroarje. Trinus syn heit himmele de pannen dêr’t syn mem de jirpels yn oanbaarne liet, dat wie sa fier as men gean koe. Yn By de hannen om ’t ôf leit it oan de rotsakken en net oan sekseûngelykheid dat Wilma “oppasse foar de jonges” moat. “Rotsakken binne it, rotsakken!”

Frijheid wie net altyd in selskeazen út de oarder brekken. De Wâlden wie earm. Yndustry en lânboumasines twongen ta ferhúzjen nei dêr’t wurk wie en dat wie faak bûten de kontrôle fan de famylje. Wy giene ek, fuort út ’e bouhoeke, nei Loaijingea. Mar ûnder de eagen wei wie in hiele omslach. Lykas de frije sneon; dêr wiene de measten út ús arbeidersklasse ‘glad met an’. Yn in wike fakânsje giene wy nei Ferwert en Sint Anne. Net nei Amsterdam: dêr wie it kapitalisme en it kommunisme, de rêddraaiers en de stakers! Yn Fryslân seach Trinus dat net, dêr wie it ommers oars. Yn it echte kondinsfabryk wurken wiswol marxisten, mar yn Fabryk sitte gjin fakbûnslju en striders foar ynspraak en goeie kwaliteit fan elkeniens beropslibben en dêr binne de boeren de grutste rotsakken.

Op in kear hie de KFJ in ‘snein-oer’. Wy krigen gjin jûnsiten. Se fertelden ús dat De Haach Fryslân ferwaarleazge, op alle mêden. Fan de warbere Friezen bleaune de belestingsinten yn it westen fan it lân hingjen. Fryslân koe net oars as him ôfskiede fan Hollân. Wy jongerein moasten dêroer neitinke en dat koe it bêste op in lege mage en sûnder deroer te debattearjen; it wie hjir gjin Amsterdam. Gesachsferhâldingen wiene noch ûnwrikber, gjinien fan ús die syn beklach. Trinus helle der syn skouders oer op en hat, om dochs eat te dwaan dat net mocht, mei Jante Geartsma, Anne Akkerman en Jehannes Terpstra lieten songen. Dat it Striidboun Fryslân Frij in federatyf plan hie, wat dat wie, of wêr’t De Haach krekt lei, wolnee, dat wisten wy net. Wy aksjefierden yn ús frije tiid en raasden Fryslân Frij! troch de kalme doarpkes. In túnker helle gau in hânfol woartels út de grûn en dielde dy út: lekker ite! Dan wiene wy efkes stil.

Ambysje

Antsje Swart - Fers2 4.15, 7 oktober 2018

image Fers2

Trinus wie hielendal net immen dy’t wolfernoege mei de skouders wippele en sei: “Hmm, wat sit ik lekker te skriuwen!” Hy gniisde wol ris lûd om syn idioate personaazjes, mar fierder makke er masinaal syn oeren fol. Ut skoalle wei rûn er nei hûs, hoed op, seach net om him hinne, fluch teedrinke en dan sette er him efter syn buro. Yn Loaijingea krige er in typmasine en wie yn Snits op typles gien, dat yn Gau skreau er net mear mei de hân. Hy tikte flink troch, yn dy tiid altyd fiksje, proaza. Ik gie mei de bern de doar út, waar of gjin waar, oant fiif oere, dan dronken wy neskafé. Sekuer om seis oere, it kaam krekt by Trinus, ieten wy bôle. Nei it iten, ôfwaskjen en de bern op bêd hie ik altyd wol ien oan ’t boarst en joech it in skjin ruft, dat dan siet ik efkes rêstich en lies er my foar. Alle dagen.

Syn produksje wie heech. Lêzen wat er middeis skreaun hie naam op syn minst in healoere. Hy lei út wêr’t er oer twivele, lies as ik it frege stikjes nochris werom en woe fan my witte oft it goed rûn, te folgjen wie en ‘echt’ fan toan en natuerlik fan ritme fielde. Oars as Jante Geartsma skreau iksels net, mar it gie Trinus net om styltechnyk. No seit elkenien o jawis: hy woe it just net opdien hawwe, it gie om it sec wjerjaan it deistige grize, lilke libben fan lju lykas wy. Mar doe bestie sok skriuwen amper yn Fryslân. Boppedat hie ik Trinus kennen leard as de jonge dy’t op de kweek opstellen skreau oer Hooft en Vondel.

Likegoed hie er oan my in perfekte proeflêzer. Ik sei nayf fan ja ik sjoch it foar my, of nee ik werken it net. As ik it net neffens de werklikheid fûn notearre er dat. Meastal sei er dan wol, “Och ja, ik tocht sels ek al dat ik net moai rûn en dat ik it oars besykje moast”, mar hy ferdroech de krityk goed. De oare deis, nei’t er faak oant jûns let sitten hie te typen, liet er sjen fan sjuch, ik haw it sa dien. Dat wie altyd better. En dan hurd nei skoalle en wer like hurd nei hûs ta. Ek sneontemiddeis en sneintemoarns skreau er. Snein­temiddeis hiene wy faak besite, de âldelju of skriuwers. Tiid foar wat oars as skriuwen wie der hast net. Oan de oare kant, omloaikje koe Trinus net en stilsitte mei in boek kaam selden foar.

Trinus wie net it wûnderbern dat op syn fjirtjinde al in roman yninoar set. Op de kweekskoalle, it earste jier, meldt er him mei syn freonen Anne Akkerman en Jante Geartsma oan by de Kristlik Fryske Jongerein. Dêr skriuwe se foar De Gouden Tiid. Trinus dan noch braaf: oer it Frysk folkslibben. Hy docht in skriuwerspetear mei Douwe Kiestra en stikjes oer Fryske boeken. Syn wurkstikken foar Nederlânsk falle op, sei Anne Akkerman my. Foar my dichtet er, rûch-romantysk: “Famke / Bist myn lampke.” Krekt yn militêre tsjinst begjint er mei proaza. It lettere koarte ferhaal oer hoe’t er oer út tsjinst desertearret, autofiksje mei in wat sensasjoneel ûnderwerp, wint de Rely, 300 gûne. Dan beslút Trinus om skriuwer te wurden. Earder hie er dêr hielendal net oer neitocht. No wie er troud, hie al bern. Hy moat skoalmaster bliuwe foar it ynkommen.

Mar dat er derneist in karriêre as skriuwer ha koe, hat er nea ien sekonde oer twivele. Hy hie gjin spat twivel yn him. Op in dei, yn Loaijingea, sei er: “Wat de oaren kinne, dat kin ik better.” Hy bedoelde Tamminga, Wadman, Rink van der Velde. De offers fan it skriuwerskip hie er gjin aan fan. Net mear toanielspylje en folksdûnsje, gjin tiid foar in praatsje op ’e dyk, altyd mei de holle earne oars, rekke er yn Gau in bûtensteander. En hy wie better as de doarpslju: “Ik haw in boadskip.” Dat rûn út op stront tsjin de ruten. Mar it lei deroan dat Gau in greiddoarp wie en gjin klaaidoarp lykas Ferwert, sei Trinus, wylst yn Ferwert syn âlden ek amper kontakt mei it doarp hiene. Dus syn eigen hâlden stie derbûten. In pear jier letter seach er, efter syn typmasine wei, ynienen dat it earste libbensjier fan syn fjirde soan oan him foarby­sketten wie: “Ik wit neat fan dat bern.” En woe er in nij bern – as lei it oan dat popke.

Op de machtige redaksjesit by De Tsjerne, troch Lolle Nauta deryn helle, reagearre er mei “Bêst”, as wie it gewoan. Dat er beleaning foar syn wurk net as súkses beskôge, syn eigen falen net seach en de offers net fielde, makke tink ik dat er altyd trochwurkje koe. Oan ’e oare kant sieten jild en oan tafel by de jet set wol net yn syn ambysje, mar macht en ‘namme’ wiswol! Sjokkearje, polemisearje: hy skreau foar de reboelje. En dat meast om neat, want hy wie net etyskpolityk, ûnbegien mei de lytse lju en ek net rjocht literêrpolityk. Hy ambiearre gjin revolúsje. Want hy wie absorbearre yn it manipulearjen fan syn plots en personaazjes. Dêr hie er maksimale kontrôle oer en dêrom sei er hieltyd as er it opskuor hie dêr’t foar skreaun hie, dat er der gjin tiid oan fergrieme woe; as hie in oar it skandaal makke. Hie er sjoernalist wurden, dan hie dat west fan in sensaasjeblêd.

Fabryk lykwols krige namme, net om de opspraak oer de seks en ek net om, sa’t no sein wurdt, de fernijing, want fernijingen yn ’e keunst moatte typysk earst oannommen wurde. Yn ’t earste plak krige Trinus it respekt fan ’e Tsjerne-âldegarde. De literators mei gesach wiene ûnder yndruk fan de styl en benammen fan de aktuele sosjaalpolitike tematyk dy’t Fabryk yn ferliking mei Wadman mear geleafd by de lêzer makke, dy’t himsels deryn werkende. Mar de reaksje fan Trinus op it súkses? Ik hearde him der nea oer. It wie folslein mei rjocht en logysk dat Fabryk de Gysbert wûn en drokte derom wie oerdreaun. Yn dy kontekst liet ik my ûntfalle, en Trinus iepene syn tankwurd dermei: “No dit gedonder noch efkes en dan hoopje ik dat we ’t hân ha.”

Wenboat

Antsje Swart - Fers2 4.17, 4 novimber 2018

image Fers2

It wie 24 augustus 1961. Wy moasten trouwe, noch trije moannen te gean. Wy hiene gjin hûs. Trinus siet yn ’e kost yn Gau dêr’t er aldergelokst ûnderwizer wurde koe mei S5 en al. Ik wenne thús yn Sint Anne. Snits, op in pear kilometer fan Gau, hie fyftjin jier nei de oarloch noch altyd gigantyske húsfêstingsswierrichheden. Dus yn teory krigen jo in ûnderwizerswent oanbean, mar dy wie der net altyd. Ek net foar ús. Wy wachten op in wûnderke.

Doe kaam der in berjocht fan in man dy’t in boat oer hie. Dan ha wy plak! stie der yn it brief dat Trinus my skreau. De man wie fiere kunde fan de oare helte fan de suster fan frou De Groot, Trinus syn hospita yn Gau. In prachtich boatsje, hie de kunde tsjin de sweager sein, en te keap. Nee, hy wenne sels net op de boat mar dy Trinus moast mar efkes mei him komme te praten, dan wie it regele. In boat bûtenút by Twellingea! En jo binne krekt tweintich en slim fereale en it is in hjitte simmer. Trinus tocht dat it der hearlik rêstich wêze soe en dan koe er lekker skriuwe. Mar dat wie de iennichste praktyske gedachte en dy wie al gau op ’e eftergrûn.

Us dreamen kamen streekrjocht út de romantyske literatuer dêr’t Trinus mei opgroeid wie en it ruralisme fan de Jongfriezen. Yn de keale natuer stie de man allinne foar syn skepper en syn gewisse, wylst de wylgen gûle en de iensume skierroek klaget en alles de taal fan it hert wjerkeatst. Jo wiene de ûnbedoarne minske yn it paradys, en dêr ek jo eigen baas, de god fan stront en jiske sa’t Trinus letter sizze soe, dus wy dreamden fan alle dagen moai waar. Dat de keap sa fia-fia gie en alle oare sinjalen dat der eat net doogde, stiene wy net lang by stil. It kaam net iens by ús op dat wy de boat besjen moasten: in boat is ommers in boat. Dat ik túgde in kacheltsje oan want it soe net ivich simmer bliuwe en Trinus sei tsjin dy man: “Wy dogge it!”

Wilens hie frou De Groot my, net Trinus, in oare werklikens sketst, net mei it moralistysk fingerke fan jongelju binne oaljedom, mar wol út it perspektyf wei fan trije susters dy’t altyd mei-inoar op ien streekje wenne hiene en hiel ôfhinklik fan inoars selskip binne. Wiene jimme tegearre, no bêst, sei frou De Groot, mar mei in lyts bern derby kinne jo dêr net te wenjen. Want Trinus wie moai oan ’t wurk en te studearjen, mar ik siet dan allinnich op dy boat. En der rûn fan it lisplak ôf gjin paad nei de dyk: “Dus hoe kinsto mei de poppe nei it konsultaasjeburo ta?” In goed jier letter berne ik op in sneintemoarn allinnich in bern. Dokter siet yn tsjerke en miende dat it wol wat lije koe, Trinus wie fuort om de dokter út syn tsjerkebankje te praten en yn Loaijingea wennen wy midden op ’e romte, in boat op ’e droechte. Frou De Groot kaam te bakerjen en hie ûntsach foar my: in ko dy’t allinne keallet wie dapper.

Mar nei de kachel en it fûstkjen op de keap kamen De Groot-en-dy mei syn allen oerein om ús te rêden. Earst tocht de man fan frou De Groot, ik fyts ris nei Twellingea ta en sjoch ris efkes hoe’t it skip derby leit. “Sa lek as in tjems!” Mar Trinus fytste doe sels nei it boatsje ta en skreau my: “Dochs wol ik it noch wol besykje.” Dêrnei besocht de soan fan frou De Groot, dy’t goed mei Trinus koe, en praat him dat út de holle. It boatferkeaper wie in oplichter, sei er. Ek dat holp net. As er sa ûnbetrouber wie, hie de famylje De Groot ommers Trinus nea tipt oer de boat. Mar úteinlik betocht de famylje De Groot dat wy der net wenje koene. Hja brochten it net as minne kar mar as ûnmooglikheid. Want wy koene de reparaasjes oan de boat net betelje.

Dat wie sa. Trinus hie krekt in baan en hy hie net sparre. Dat wisten De Groot-en-dy. Ik hie wol sparre want ik hie jierrenlang wurke, earst op ’e proeftún in Sint Anne, dêrnei yn in siedhannel yn Ljouwert en op ’t lêst yn de betsjinning yn de Sambabar tichtby de Wêze – de poaiers brochten my jûns nei de bus want dy woene gjin gedonder – mar in kapitaal wie it fansels net. Dat ik krige in brief fan Trinus dat frou De Groot nee sein hie tsjin de man. En dat de keap net trochgie en Trinus de famylje De Groot betanke hie foar it nee sizzen.

Trinus bleau yn Gau en ik bleau yn Sint Anne. Krekt begjin novimber, tsien dagen foar de berte fan it bern, kaam ik yn Ferwert by Trinus syn heit en mem yn ’e hûs. De krystfakânsje fierden wy yn Sint Anne en yn jannewaris 1962 koene wy yn in eigen hûs. Frou De Groot hie it foar ús socht. It hie in paad nei de dyk. Ik kocht de gerdinen, de stuollen, de útset foar de poppe, alles op it kacheltsje nei want dat wie der al. En Trinus hat noch hiel faak sein: “Stel wy hiene op dat boatsje sitten.”

Boe-ropperij

Antsje Swart - Fers2 4.18, 18 novimber 2018

image Fers2

Efterôf begripe jo net dat ik my wiismeitsje liet dat Trinus de jammerdearlike held wie yn in net te kearen trageedzje. Want wy hiene de Ljouwerter en alles hie deryn stien. Sels op dyselde sneontemiddei noch in artikel yn de krante dy’t der krekt wie doe’t Trinus foarhûs út de bus stapte. Nei skoaltiid wie er fleurich fan hûs gien nei syn literêre gearkomste. No kaam er der wer yn, wyt om ’e noas as hie er pinekop. Gjin grapkes tsjin de bern, neat sizze, in sigretsje smoke, de krante fan ’e tafel rame – dêr’t it drama yn oankundige stie – en sitten gean mar wer oerein, omrinne troch it hûs, noch in sigret. Ik frege mar neat en sette de bôle op ’e tafel.

De oare deis ferklearre Trinus: “Ik gean nea mear nei soks ta.” It wie net fan him útgien en hy skamme him dea. Skamte wie net eat dat ik fan Trinus kende. Fan de protagonisten yn syn ferhalen ek net. Dy wiene earder just ûnbeskamme, yn har eksistinsjele yndividuele lijen oan de wrâld. De oaren hiene, sei Trinus, Amsterdam neiboud. Dêr wiene nei de reboelje yn Parys de jonge keunstners yn ferset kommen tsjin de tradisjonele keunst en de fêstige oarder fan de âlde generaasje. Lykas yn Amsterdam wiene de jongerein op de efterste banken yn de seal sitten gien en hy, krekt tritich jier, siet dertusken, by Jehannes Terpstra.

Dat Trinus nei Amsterdam wiisde wie apart. Want Fryslân hie sels in slepend konflikt tusken de nijljochterstydskriften en de âlde garde fan De Tsjerne. Mar – lykas yn Amsterdam trouwens, mar dêr woene de jonge skriuwers dy’t hjir de literatuer ferhakstûken neat fan witte – dy âlde garde woe bêst oparbeidzje mei de jonge generaasje. Douwe Tamminga, Ype Poortinga en Tiny Mulder wiene wier net stoffich en autoritêr. Se sieten altyd by ús op ’e kofje en stipen Trinus by alles. Se hiene Trinus oan in redaksjepost holpen tusken harren yn, by De Tsjerne.

Ynienen begûnen de oaren neist him mei syn allen te boe-roppen, sei Trinus, nei de Tsjerneredaksje foar yn de seal. Sels siet er dêr net by. Wêrom’t er net by redaksje sit fertelde er net. Mar, sei er, se koene fansels net fan him ferwachtsje dat er, om’t er no tafallich oan ’e jongereinkant fan ’e seal siet, meidie mei boe-roppen. No ja, mooglik hier er wol bytsje boe sein, mar dat wie om’t er oars hielendal in nuver figuer sloech. Hy hie it beslist net miend. Nee, hy wie it der net mei iens, hy fielde him ûngelokkich mei syn plak en hy woe dat er dy middeis thús bleaun wie om rêstich fierder te wurkjen oan wêr’t er mei dwaande wie. Fan sokke flauwekul moasten jo ôfstân nimme. Ofstân: gjin wurd oer de kneppel yn it hinnehok.

Twa jier earder soe Trinus yn de Tsjerneredaksje komme mei in kwerulant fan in jong tydskrift dat klearstie om mei De Tsjerne te fusearjen. Ynienen woe doe De Tsjerne dy fúzje net. De kwerulant hie by neier ynsjen te hurd tsjin in holle stjitten. Trinus hold him koest. Hy kaam by De Tsjerne. Dêr wie dalik, logysk, ferlet fan ekstra redaksjeleden. Mar de âlde garde soarge dat se dy net krigen. Nei twa jier earmoedzjen beleit de redaksje, Trinus en syn kollega’s, in iepenbiere skriuwersgearkomste yn it Oranjehotel. Dat wie in grut ding, dat wit ik noch wol. Mar dit wist ik net: amper in wike yn ’t foar stapt Trinus út de redaksje – hy hat nei twa jier spyt krigen dat er de kwerulant net holpen hat. Spyt wie likemin wat foar him as skamte, mar no rûke de jongerein har kâns. Se plannearje in kûp, sette Trinus neist har op ’e bank en boe-roppe De Tsjerne op ’e knibbels.

As Trinus net it iene fel nei it oare typte, stie er yn ’e blikke te prakkesearjen en makke sa min mooglik leven. Krekt oan it ein fan ’e wike pakte er de gitaar wer fan ’e heak oan de ’e muorre.

“It giet min mei Fryslan”

Antsje Swart - Fers2 4.20, 16 desimber 2018

image Fers2

Tema, dat wurd hat Trinus tink ik nea brûkt as it oer syn eigen skriuwen gie. Tinken oer tema’s die er as er in oar syn wurk bespruts. Sels woe er de wrâld observearje en notearje wat er seach. Hy wie fan betinken dat syn karakters frij wêze moasten en net hannelje neffens in fan tefoaren makke plan. Dus fansels sette er him net, as der in nij ferhaal komme moast, oan it prakkesearjen oer in tema. Hy gie gewoan sitten en skreau.

Mar dat tema wie der wol. Yn de tiid dat Trinus begûn te skriuwen sei er geregeldwei: “It giet net goed mei Fryslân.” It lânskip feroare hurd, sei er, en net te’n goede. Oan in binnenpaad tusken it Bilt en Ferwert lei in trijehoekige plasse wetter. Wy neamden it ‘de fiver’ en sieten der faak. Ynienen wie it doe dimpt. Ik wie ek teloarsteld. Jo binne jong, jo tinke dat alles bliuwt sa’t it is, dat dat net sa is dêr moatte jo oan wenne en boppedat wie it ús fiver. Mar Trinus wie lilk om alle sleatten dy’t se tichtsmieten yn Fryslân en alle mooglike skuorren dy’t se ôfbrutsen: alles hie persoanlike wearde en alles dat feroare fielde er as waard him in eigendom ôfnommen. Hoe’t it waadgebiet folslein ferneatige wurde soe, dat koe er net ha.

Hy wie, doe’t ik him kennen learde, belutsen op âldere skriuwers en ek fassinearre troch East- en Noard-Fryslân. Hy hie Theodor Storm syn Schimmelreiter. Se hawwe in bewurking derfan útfierd op de Kulturele Haadstêd. It giet feitlik oer it boargerlik optimisme: modernisearring en nije technyk binne in ferbettering. It rêdt libbens. It plattelânsbestean yn it boek, de romantyske blik op de lytse minske foar de grutte natuer oer, is mar eftergrûn. Mar foar Trinus gie it dêr just oer. Dy âlde Dútske boeken hiene in pessimistyske, antymodernistyske kultureel-yntellektuele grûnslach. Trinus naam dat net as gedachteguod, mar as feit. Dus as agraryske minske wiene jo tsjin yndustrialisearring.

Hjoed soene jo sizze – doe sei ik neat want ik hie amper wat lêzen en naam alles wat Trinus sei foar wier – dat Trinus in konservatyf plattelânsideaal hie. It tradisjonele libben op it plattelân wie better, mear yn harmony en mear elemintêr as it stedslibben en de boer wie de personifikaasje fan dat ideaal. Fabryk hat as tema de botsing fan agraryske manlju mei it stedslibben. It rint min ôf. It tema fan kultuerpessimisme is delgong. It ûnk is kommendeweis. Mar by Trinus kaam it pessimisme net as fersleinens, mar as lilkens. Want Trinus woe gjin ôfstandelike neitinkhâlding, mar belutsenens by de minsken dy’t it slachtoffer wiene en de nijichheden bestride.

Om my út te lizzen wêrom’t er sa tocht, helle er de skiednis fan om 1920 derby, de tiid fan syn heit. Altyd wie der sosjaal ûnrjocht. Dy kaam troch de feroaringen. De grutte boer wurke de lytskes derút, gie oer op oar gewaaks en oare metoaden, altyd goedkeaper, mei minder mankrêft. Doe’t Trinus lyts wie gie syn heit in skoft moarns te ko melken, om fjouwer oere fan ’t bêd ôf, dat befoel him poerbêst. Mar it duorre net lang, want in masine naam it melken oer en Trinus syn heit hat lang fan slach west. De frustraasje fan syn heit dy’t ôftanke waard hat Trinus fan tichtby meimakke.

Mar oan ’e oare kant brochten de maatskiplike feroaringen Trinus gjin akút persoanlik lijen. Hy wie graach yn Ljouwert en hy woe in húshâlden mei tolve soannen ha yn Fryslân – immen dy’t djip yn noed sit oer hoe’t it ôfrint mei de wrâld set dêr yn de regel gjin bern op. It kultuerpessimisme fan Trinus wie tink ik ek identifikaasje mei de figueren yn syn sosjaalrealistyske romans, dy’t miene dat it juster better wie en dat foarútgong in leagen is fan de stedske pommeranten. Sterk wie dy identifikaasje net, of krekter sein, wat Trinus beweegde op it mêd fan it tema wie net dúdlik en dêr prate er net oer.

Wol sei er dat er nei Fabryk “in fakânsjeboekje” skriuwe woe, eat dat elkenien maklik lêst. Dat slagge net echt, der sit allerhanne donkerte yn, mar om’t er my de nij skreaune sênes foarlies, tocht ik dat dat de tematyk wie dêr’t er mei ompakte. Krekt letter wist ik dat er ûnderwilens sênes skreau dy’t net yn it fakânsjeboek pasten en der ek net foar bedoeld wiene; it wiene ferslaggen fan Trinus syn kontakten mei Jo Smit en Tamminga, en ek Schurer ferwurke er deryn. Doe’t it plan foar Miskrotten-Rotminsken opkaam wiene hiele pakken papier al klear. It tema wie literêre fernijing en it rûn net iens sa min ôf.

In aardich ferske sjonge

Antsje Swart - Fers2 5.2, 27 jannewaris 2019

image oantinkens oan trinus riemersma

Der wiene mear skriuwers dy’t Trinus fregen wêrom’t er gjin dichter wurden wie. Tsjin my hie er ris opmurken dat er oan it skriuwen fan in luchtich fers wol nocht hie, lykas oan in aardich ferske sjongen. Hy mocht graach sjonge, meast Nederlânske ferskes trouwens. It wie altyd lestich om tsjin Trinus te sizzen: wachtsje efkes. Mar in pear jier earder, op ’e kweekskoalle, hie er wol dichte, net licht mar swier lyrysk, dus melodieus en gefoelich. Hy hie foar my de wrâld fan Vondel en Hooft iepene en hielendal net oer har praat as te min luchtich, mar as wichtige foarbylden.

Trinus seach gjin ferskil yn nivo fan kreativiteit of keunstsinnigens tusken in proazaskriuwer en in dichter. Foar him wie it in kwestje fan it ark dat de keunstner better leit, it pinsiel of it paletmes. Ik wit net mear oft er ea útlein hat hoe’t dat pinsiel of paletmes der krekt útseagen, dus wat neffens him dan krekt it ferskil wie tusken it prozayske of poëtyske hanneljen. In skriuwer moast it sels mar witte, tink ik dat er tocht.

Mar yn Fryslân wisten jo dat de dichter gou as kreativer en ek hast as in wizer minske, mei mear ynsjoch yn de ierdske idelheid en sa, en dêrnjonken wie de proazaskriuwer mar in betûfte ferhale­ferteller. De status fan poëzy wie heech, ek doe’t Trinus oan ’e gong gie mei Fabryk. Sels bekroade er him net om status, hy hechte der gjin inkelde wearde oan, net foar himsels en ek net as it oare skriuwers oangie. Foar in begjinnende skriuwer dy’t goed wurk leverje woe, hie er, sei er, like folle wurdearring as foar in dichter dy’t sjoen waard as ien mei status. Hy stelde himsels boppe de ûnbewuste wurking fan status: dat literêre ynwijden, ek al sizze se dat se it net dogge, dernei oerhingje om wurk goed te achtsjen as de skriuwer in goeie namme hat, om’t soks de minske eigen is, dat wie sa foar oaren, net foar Trinus. Tagelyk kearde Trinus dochs, ik bedoel as yn wjeraksel, it statusferskil om: by him wie poëzy mar in aardich ferske.

Trinus woe wurkje op de manier dy’t it tichtste by him lei en it tichtst kaam by wat er oerbringe woe. Dat is in iepen doar. Tiny Mulder frege fierder, yn in fraachpetear. Trinus sei it doe mear postulearjend: “Ik bin gjin dichter! Yn fersfoarm bin ik net by steat om te skriuwen wat ik kwyt wol.” Hy sei dat as er klear wie mei it “echte wurk”, dus it romanskriuwen, en siet te mimerjen mei in sigaretsje en in kop kofje, der bytiden wol aardige fersrigels yn ’e holle opkamen, mar dat wie it dan. As er dêr fierder mei woe mei it ferstân derby, bleau er hingjen. “Dan duorret it wiken foar’t ik derút bin; skande fan ’e tiid.”

De reden dat er fêstrûn by poëzy is miskien dat er alles sels yn de hân hâlde woe. As er it ritme fan de earste sinnen net fol wist te hâlden, rekke er yrritearre. Hy ferlear gau syn ynteresse as er earne gjin macht oer krige. Foar safier’t ik wit hat er nea oan immen frege om him te helpen mei it skriuwen fan poëzy. Faaks besleat er by proaza te bliuwen, dat behearske er en dat wie him goed genôch.

Trinus koe min de dingen út harsels komme litte en ôfwachtsje wat der bart. Hy woe derboppe stean, in hâldfêst ha. Hy doarde de matearje net los te litten, sels nei de eftergrûn te ferdwinen en te wachtsjen oant der wat yn poëtyske foarmen bûten him syn beslach krige, dat er dan inkeld hoegde te observearjen en beskriuwen. It wie net sa dat er perfoarst syn eigen wrâldbyld nei foaren bringe woe yn in gedicht, sa’t er dat wol die yn syn romans. Mar de wurkdruk en rûtine fan de roman dêr’t er konstant mei dwaande wie, mei twingende linen en alle dagen safolle siden skriuwe, dêr koene de spontane klanken en klankkleuren fan poëzy net trochhinne brekke.

Dus ik tink: de rigels makke Trinus sels mar bylden komme, of komme net. Ik kin my in petear mei Douwe Tamminga yn ’t sin bringe dêrt se der djipper op yn giene, en Trinus sei: “By it skriuwen fan proaza sjoch ik dúdlik foar my wat der fierder barre sil, ik hoech it net yn ’e hân te hâlden; it bart.” It wiene de rûtines dy’t dat as in rûtekaart dúdlik makken. “Mar by in fers skriuwen haw ik dat alhiel net; der komme in pear rigels boppe en dan is it fuort en ik krij dat byld net mear foar my.”

It skokkende en ûnferjitlike fan it petear wie dat Tamminga andere dat er sa winske dat syn eigen fersrigels de bylden stopsette soene. Hy koe net oars, sei er, as it fertriet om de dea fan syn soan yn fersen ta útdrukking bringe. Hy hie it yn proaza uterje wollen, mar dat koe er net.

De literêre held

Antsje Swart - Fers2 5.4, 24 febrewaris 2019

image oantinkens oan trinus riemersma

Held, is dat it goede wurd foar de protagonist yn Trinus syn wurk? Ik tink hjiroan: dat ik my net te binne bringe kin dat Trinus ea mei syn heit praat hat. Dy koe hiel min oer hitens. Krekt letter waarden de kij nei binnen brocht foar it melken, se molken noch bûtendoar yn ’e greide. Dat wie simmermiddeis foar Trinus syn heit te hyt. Dus hy frege de boer om te moarnsmelken, as it noch fris wie. Ynearsten sei de boer fan bêst, mar úteinlik moast in arbeider yn Ferwert syn plak kenne en waard Trinus syn heit omtrint fuort stjoerd en dat wie ‘eigen skuld’. Syn heit wie net in prater, mei gjinien. Mar ik wist dat Trinus wist fan de swierrichheden, it tink fan syn mem, troch syn lilke opmerkingen oer hoe’t de rotsakken altyd de legerein pakke. Dat Trinus foar dy legerein opkomme woe, prate foar dyjingen dy’t net prate mochten, wie syn iepen doar.

Bart dat opkommen trochdat jo josels as better beskriuwe en de oaren as moreel minder, sa’t minsken alle dagen dogge, of de feiten as oars? Mar wat no as jo in ‘realist’ binne en de wrâld dy’t jo sjogge wier is, en net tafallich sa’t jo dy sjogge? Trinus moast syn held ynpasse yn syn ferhaal, yn syn wrâldfisy. En de boarne en kontroleur wie de skriuwer: “hee wat glidet dy pinne lekker oer it papier. Mar men moat wat te sizzen ha fansels.” De problemen dêrút, bygelyks fan stereotypearring, wie Trinus him net fan bewust sa’t it modernisme, en hielendal it postmodernisme dat yn it útlân al begûn wie, him dêrfan bewust wie. Trinus hie foar it lêst lêzen op ’e kweekskoalle en letter kaam er dêr net mear oan ta.

Dus dêr wisten wy neat fan en Trinus hie begrutsjen mei syn held en seach de rol fan de skriuwer as beskermer, mar ek as oanfjurder. Soe de held, bygelyks dy út Fabryk, by Trinus op ’e kofje kommen wêze, dan hie Trinus net praat mar harke, lykas dat er harke nei de soan fan frou De Groot yn Gau, dy’t in konflikt hie by syn boer. Dy prate dan de frustraasje fan him ôf en Trinus mar harkje, oant de soan wer yn lykwicht wie en ree foar in potsje skaak mei Trinus. Mar as minksen net prate, en harkjen net in begjin wêze kin fan it beskermjen en oanmoedigjen, lei der gjin obstakel: Trinus hie in ‘oanfielde kennis’ fan wat dy figuer nedich hie. De superioriteit dy’t derút sprekt, wy wiene sa nayf! Trinus stalde sowieso syn held gear út alderhanne ferhalen dy’t er hearde en dan knipte en plakte.

Trinus achte Durk van der Ploeg, Rink van der Velde en Anne Wadman gjin nijsgjirrige skriuwers, want “dy misse wat.” Hy wurdearre Elschot, Boon, Vestdijk en Marsman. Mooglik gie it him om de fine sosjologyske en psychologyske portretten, mar dat sei er net. Wis is dat er sosjaal belutsen romans lykas dy fan Boon skriuwe woe. It taheakjen fan kommentaar fan de skriuwer op it eigen ferhaal, by Minskrotten-Rotminsken, sit ek yn in roman fan Boon, it is goed mooglik dat Trinus it dêrwei hat. Wat er socht is in werklikheid dêr’t jo net oan ûntsnappe kinne, útsein troch ferdwinen – de swimmer yn Minskrotten – of dea of gekte.

Jûns as Trinus my foarlies wat er skreaun hie, hie er it ek oer syn haadpersoan. Wis, hy prate oer syn held as in broer, dêr’t er fan hold en wat foar betsjutte woe. Mar faak hie er de gek mei syn eigen held. Yn Fabryk naam Trinus dy held echt net serieus yn syn treurige omstannichheden fan machteleaze ferfrjemding, dêr’t er him wrachtich foar makke hie! “Ik soe it ek sa skriuwe kinne”, sei er dan. Yn Fabryk wie Trinus noch it meast frij yn it skeppen fan syn protagonist. Utjouwer en publyk en Trinus sels hiene noch net in ferwachting opboud, Trinus joech himsels leau ik in soad romte. Mar nei dy útrop ‘it kin ek sa’ kaam der eigentlik altyd in kommeedzjeferzje fan de trageedzje dy’t Fabryk is.

Ik tocht doe dat Trinus syn held belachlik makke om’t alle dagen wer fierder mei dy begrutlike figuer in opjefte wie en Trinus it wat lichter foar himsels meitsje woe. Mooglik fielde er him net noflik foar my oer, om alle drege gefoelens dy’t er opskreau en die er lakerich út sjêne. Mar Trinus utere syn gefoelens, as er dat die, ferpakt yn in grap. Op âldjiersjûn 1968 die Trinus mei myn broer Nanne tegearre in ymprovisaasje tusken de skodoarren – teefee mei kabaretiers wie der noch net – oer in fanatike sjoernalist en in warleaze skriuwer. Us mem hat sa gniisd, de triennen rûnen har oer de wangen. Mar yn al dy ûnrêstige moannen fan de reboelje om Minskrotten hinne hat Trinus nea wat sein oer ferekte krantelju of senuwen of gedoch. Wat ik tink is dat Trinus ek min omgean koe mei de komplekse gefoelens fan syn eigen helden, en dêr dan grappen foar socht.

It synisme fan de grapmakkerij komt om’t er werklik gjin soelaas foar de arbeiders seach. Trinus koe hiel lilk wurde om lytse berjochten yn ’e krante, bygelyks oer hoe’t de bretale klasse meters túngrûn stiel fan rjochtleaze arbeiders. Mar ik tocht, by Fabryk, fan hy skriuwt en skriuwt en skriuwt – oant er njoggen moannen lang mei de redakteur fan Miedema siet. Doe die bliken dat er osa mei de held omtiisde. En ynienen op in jûn, it wie al let, sei er: “Sa moat it ôfrinne.” Dêr bleau er by en sa ferlear syn held it op it lêst allegearre.

“Bist net bang?”

Antsje Swart - Fers2 5.7, 7 april 2019

image oantinkens oan trinus riemersma

Op alle nije en ferfallen pleatsen oan de Fryske noardkust spoeke it of de boerinne hie wat útheefd, as jo Trinus syn spannende ferhalen leauden. Dat die ik, oant er my, syn faam yn dy tiid, frege fan: “Doarst noch wol fierder te fytsen?” Dan wist ik dat ik wer meinommen wie troch de rykdom fan detail en de oannim­likens fan de smjuntestreken en it leed fan de dupearren. It wie it wer allegearre fiksje.

In pear jier letter wûn Trinus mei syn autobiografyske fiksjeferhaal ‘Minske tusken ierde en himel’ de Rely Jorritsmapriis en doe sei er: no romans. Hy wie produktrjochte, ik wit net oft dat doe like like gongber yn Fryslân wie as no, mar yn alle gefallen lei er syn doel net sasear by it skriuwen sels as by it boek dat der de útkomst fan wêze soe. Mar ferhalefertellerij is hiel wat oars as romanskriuwen. It lêste freget net sasear om ‘talint’, mar om plan, struktuer en skriuwersfeardichheden.

Trinus hie op ’e kweek yn Dokkum wol wat skreaun, yn it Kristlik Fryske Jongereinfermidden, foar De Gouden Tiid. Yn syn lêste kweekjier yn Ljouwert kaam er yn in streamfersnelling. De Nederlânske literatuerles wie hiel goed. In entûsjaste learaar Dútsk waarme him earst op foar de Dútske literatuer en dêrnei de Flaamske. Trinus wie sa tefreden oer dat skoaljier dat er, sei er, woe dat se him earder út Dokkum weiskopt hiene. Mar alhoe’t de kweek yn Ljouwert him ek ynspirearre hie, ûnderwiis yn roman­skriuwen wie der fansels net by. Ik wit net oft er wol in idee hie hoe’t er in roman yninoar sette moast. Ik tink fan inkeld mar globaal.

Mar Trinus twivele nea oan himsels. Syn boek soe der komme en it soe goed wêze. Dus hy hie gjin plan foar it oerwinnen fan skriuwobstakels – trouwens foar safier’t ik him ken hie er nea in writer’s block – en gjin wurkplan, mear as ‘sitten gean en skriuwe’. Dy basis fan straf ritme, fêst wurkplak en deistich wurdetal wie om te laitsjen sa rigide. Trinus skreau fan nei skoaltiid oant op syn minst tsien oere jûns, mei in skoft foar kofje en soms efkes krantlêze om fiif en om seis oere bôle iten. Mar op in jûn, ik wie heechswier, kaam Trinus syn stúdzjemaat Ad de Haan del. Dy soe Gau út ferhúzje en syn frou wie al fuort, dat Trinus woe wol efkes mei him prate. Ad wie amper de doar wer út of myn fluezen brutsen. Ik moast befalle. Dat Trinus moast de baker ophelje en it bêd opsette, en dat die er. Mar doe’t ik teplak wie, gie hy fluch werom nei de typmasine, wylst ik lei te befallen. Letter liet in feralterearre freon my in ansicht sjen, dy’t Trinus him dy jûn stjoerd hie: “Antsje leit hjir te befallen.”

Sadree’t Trinus de typmasine kocht hie skreau er net mear mei de hân yn skriftsjes, en jo hearden him konstant tikken. Sa te sjen betocht foarút wat er skriuwe woe. Ik stie sa faak yn ’e blikke nei him te wiuwen as er út skoalle nei hûs ta rûn, mei holle foaroer: hy seach my sporadysk. Foar Fabryk plakte er noch altyd de sênes dy’t dy middeis by him opkamen efterinoar oan, lykas by de eardere ferhalen, mar hy hie yn ’t foar dingen opskreaun: autofiksje, tredde persoan, tema yndustrialisearring en ferfrjemding, safolle personaazjes. Fan de haadpersoanen hie er in karakterbeskriuwing fêstlein. Ek it wurdetal stie fêst, dêr hie de redakteur fan útjouwer Miedema by holpen, koarte romans wiene noch gewoante. Mar dêrmei wie de grins fan de struktuer ek berikt. Deiboeken foar ynfallen, notysje­boeken foar research en lochboeken foar it proses, dat seach Trinus allegearre as ûnsin. Reizgjen en fraachpetearen wie tiidfergriemen.

Dêrtroch wie Trinus syn wrâld lyts en spile syn realistyske wurk yn en om it hûs; oare wrâlden observearje fia it ynternet koe noch lang net. Yn Fabryk draacht dy húslike setting by oan it plattelânsroman-tema: it betreurjen fan de yndustry dy’t deadlik is foar it minsklike sielelibben. Trinus brûkte fantasy, dêr’t er wol oan leauwde – net oan talint; skriuwers moasten gewoan hurd wurkje – net foar nije wrâlden, mar foar it tsjutten fan wat er seach. Sa siet er yn Frjentsjer op freedtemiddeis te foar it rút as in pasjint út de ynrjochting foarby kuierje soe en hie dy man in helkleurd boesgroentsje oan, dan sei Trinus my dat er hjoed in fleurich sin hie. Tagelyk rieplachte er foar echt psychologysk ynsjoch, fan strykt it dat myn protagonist sa reagearret op syn situaasje, steefêst Jo Smit en leaver noch frou Smit. As dy it net logysk genôch achten, paste Trinus it oan.

Struktuer wie yn it begjin it grutte punt. Trinus hie in soad kontakt mei Ype Poortinga oer de ferhaalopbou. De redakteur fan Miedema hat osa holpen mei oarderjen fan sênes. En withoefaak tufte Tiny Mulder yn har autoke nei Gau. Se hie ferstân fan nonfiksje, no-nonsense it boadskip oerbringe. Se wie bjusterbaarlik goed yn it útlizzen, dan sieten hja mei syn beiden oer de tekst bûgd, fan ‘Sju, dizze kant kinst ek op, moast net dalik dit, en dat kin dêr dan komme en dan komt alles klear.’

Folsleinens

Antsje Swart - Fers2 5.9, 5 maaie 2019

image oantinkens oan trinus riemersma

Op himsels wenje, in nij skriuwblok en in fêst tal skriuw­oeren deis: dat moast liede ta Trinus syn earste roman dy’t de ierde dinderje litte soe. It wurd perfeksjonisme bestie noch net, leau ik. Dat perfeksje neistribjen boargerlik en ûnmooglik wie, en jo sadwaande by de wiere keunst weihold, dat tinken hie Loaijingea lang net berikt. Ek by Maria van Everdingen, de byldhouwer oan it ein fan ’e reed, wie it Wês folmakke sa’t jimme heit yn ’e himel folmakke is, noch gewoan de opdracht. Dat Trinus stelde himsels hege doelen. Dêrnei hoegde er inkeld syn bêst te dwaan dy te heljen. Of, tink ik no: op ’e tiid tefreden te wêzen.

Ik hie net leard om te freegjen fan wêrom en hoe. Dêrby wie ik net wûn dat immen yn it Frysk tsjin my prate. Alles yn dy taal hearde spesjaal. En al wat ik wist fan Trinus syn skriuwdoelen wie it oerflak derfan: it bekende deistige libben sjen litte sa’t it is, gjin opdwaanderige retoryk mar ienfâldige taal, echtheid. Doe’t Fabryk der ienris wie stie de earste side al fol mei emoasjewurden en subjektive waarnimmingen. Efterôf besjoen woe – of koe – er dus gjin realisme as dokumintêre styl fan rapportearjen. It hat it himsels nea dúdlik west wêr’t er om socht tink ik. Syn doelen wiene mear idealen.

No bestiet it net mear want skriuwers hawwe in studio of skriuwhok, mar ik siet altyd yn ’e hûs in pear meter fan Trinus ôf as er skreau. Earst gie twa oeren lang stil syn pinne hinne en wer. Dan hold er op en lies. Ik hearde him út en troch eameljen: “Dit kin net… dit kin net.” Wêrom’t it net koe, kaam ik net te witten. “Al skriuwende krije jo faak wat oars yn ’e holle.” Mar oars as wát? Wat er miste koe er net ûnder wurden bringe: sfear, beweging, lûd? “It is net út te lizzen.” Dan berêste er yn de ymperfeksje: “Sa moat it dan mar.” Mar faak heakke er dochs wer nije wurden ta en hearde ik in kertier letter: “Klear!” As er my it nije stikje foarlies foar’t ik op bêd gie sei er geregeldwei: “Sa moat it en net oars.” En al wie ik it dermei iens dat it sa goed wie, sei er dan de oare deis: “Dy sinnen haw ik dochs mar feroare.”

In oare skriuwer begjint mei it formulearjen fan de premisse, ‘lânarbeider twongen ta fabrykswurk wurdt gek’, en fan wat yn de holle fan ’e lêzer efterbliuwe moat nei it lêzen, lykas sosjale driging. Trinus begûn by de earste wurden: As ik. Hy stie net stil by de doellêzer. Efkes oantekeningen yn ’e kantline meitsje oer faasje en spanning die er net: “Dat haw ik wol yn myn holle.” Myn holle wurke sa net, mar ferjit net, Trinus hearde ta de romantyske generaasje skeppers dy’t ûnbelêstge wie troch akademyske foarskriften. “Der moat wat yn sitte,” sei er. Earst begriep ik dat net. Letter tocht ik dat it artistike sjeny him útdrukke moat. Dit is keunst!, tocht ik en dat dat neat mei technysk ferbetterjen te krijen hat. Mar, siet ‘it’ der net ‘yn’, dan holp wachtsjen op in ynjouwing blykber net: Trinus wurke dan oant djip yn ’e nacht troch.

Om oan it ûnfermogen te ûntsnappen sette er graach dingen op ’e kop. Mar mei in grap ôfliede út sênes mei swier gefoel wei, kin net altyd. Dy emoasjesênes woe er yn in pear wurden want dan wie it flugger foarby – “dan rekket it djipper” – mar hoe’t er ta dy pear perfekte wurden kaam en oft er op ferskate farianten siet om te kôgjen foar’t er in kar makke? Ik wit allinne dat it wer safier wie om’t er it pakje sjek samar heal leechsmookt hie. Fan lestige passaazjes makke er trije fersjes maksimaal en smiet de net brûkte fuort. Hy bewarre net in soad, hear. It bedarre allegearre tusken de âlde kranten. In griis mantsje mei in winkel, in apartenien dy’t skoudere waard yn it doarp Gau, helle de kranten by ús op, om syn guod yn te pakken. Faaks hat er ien in jiskebak ferkocht yn de oarspronklike ferzjes fan Fabryk.

Trinus wie yn it begin in typyske ûntdekkende skriuwer. Hy wie in rasferhaleferteller, hy skoep in lokkich en produktyf skriuwplak en dat jo dizige doelen net berikke kinne makke neat út. Oaren holpen him graach mei wat der net ‘yn’ siet mar der wol ‘yn’ moast. It wie beslist net Trinus syn bedoeling, mar de redakteur fan Miedema, in hiele sympatike en trochtaastende figuer, en Trinus siet der soms wol trije kear yn ’e wike om’t er it paad bjuster wie, dy redakteur hat soarge dat de God fan Stront in Jiske der wol yn kaam. Wa’t him bringt docht er úteinlik net ta by folsleinens.

“Hoe is ’t waar?”

Antsje Swart - Fers2 5.11, 2 juny 2019

image oantinkens oan trinus riemersma

Twa keunstners midden op ’e romte, dy prate mei-inoar. Dat liket logysk. Mar Trinus die it net. Ut skoalle wei gie er dalik efter syn skriftsje sitten en al gau kaam de typmasine dêrfoar yn ’t plak, “Ik gean los,” sei er dan. Allyksa wie ús buorfrou de byldhouwer, Maria, altyd oan it wurk, yn it atelier dat se efter ús hûs delset hie. Krekt op ús alderlêste middei yn Loaijingea hat Trinus in pear oeren mei har sitten te praten. Us auto kaam let en wy hiene ús hûs al leechhelle want Maria soe deryn. Wy soene nei myn âlden, want de ûnderwizerswent yn Gau wie noch hieltyd net leech. En nei de krystfakânsje seagen wy dan wol. Mar dat petear doe lykfoar krysttyd, tusken de twa keunstners, wie in deagewoan buorljuspraatsje. Maria fertelde oer har tiid yn it keunstnersdoarp Bergen. Dêr hie se har wurkplak yn in âldbunker en de keunstners hiene har eigen kroech yn it doarp. Dat soarte ferhalen hold Trinus fan. Mar oer keunst gie it net.

Wat keunstners mei-inoar beprate wolle, tocht ik, is hoe’t se de komplekse en bjusterbaarlike wrâld út dy stien hakke wolle, of hoe’t se wraksjelje om wat te sizzen oer de minsklike kondysje. Se soene inoar dan earst útlizze hoe’t se oan in gearhingjend en nijsgjirrich plaatsje yn har holle kamen, dat dêrnei dan op it doek of yn de roman kaam. Mar Trinus liet him oer dy dingen net út: net wat yn syn eagen de minske wie en net hoe’t neffens him de wrâld derút seach of sjen moast. Hiene jo him frege fan stel do wurdst moarnier wekker en de wrâld is ideaal, hoe sjocht dat der út? dan hie er lake. Hy wie in ‘realist’. As er fan ’t bêd ôf kaam wie it earste wat er frege: “Hoe is it waar?”

Trinus syn kommentaar op Kristlik Fryske Jongerein-besluten dêr’t er net yn meigean woe, wie soms sa absurd dat ik it no noch wit: “Dat der gjin doel wie omt it libben gjin sin hie.” Hy makke him derfan ôf, joech gjin redenen, prinsipes of eindoelen. Faaks hie er idealen, mar hy utere him der net oer.

De barrikades op foar jo fisys tocht er dat oerdreaun wie. ‘De Lauwerssé moat ticht!’, it grutte protest tsjin it regear yn De Haach – dat de diken opheechje woe mar net drastysk de see ôfslute – dêr die de KFJ oan mei. De foarsitter en it haad op Trinus syn skoalle, Jaep Dykstra, sette sels marsen op mar rûn dy net mei. Trinus gie mei, mar lake wat, dan wist ik it wol: skytskoarje. Dat er mar heal meidie wie net om’t er der net efter stie. Efterôf sjoen rûnen wy kritykleas efter de kloft en de lieder Schurer oan. Dochs wifele Trinus ek net om’t er tocht dat de jongerein temin kâns krigen om sels in stânpunt te kiezen. Nee, hy sei tsjin my dat se yn skreaune taal formulearje moatte wat se ha wolle. Raze fan “Fryslân frij” helpt net. Dat Trinus net perfoarst ôfskieding fan Fryslân woe, wie net syn punt. De dyk op wie neat foar him. Setten de foarstanners fan de barrikaden-op de boel op skerp op de KFJ-gearkomsten, dan grommele Trinus wolris l’enfer c’est les autres. It eksistearjen fan de oaren mocht om him wiswol begrinzge.

Mar oer hoe ’t er tocht oer it ideaal fan frijheid fan mieningsutering prate er net. Tocht er dat minsken earst wat leard ha moatte foar’t se har lûd útsette? Dat er mear betrouwen hie yn de skriuwende minske komt faaks by Trinus syn âlden wei, dy’t in grutte ambysje hiene om sosjaal te stigen troch ûnderwiis en lêzen, mar ek de âlden seine neat oer idealen. Harren etyk wie ‘down to earth’: “Nea mei lege hannen nei de keuken,” plige skoanmem te sizzen en pakte samar in teekopke fan ’e tafel. Trinus syn ideale foarstelling van Fryslân wie dat de boeren goed buorkje koene en dat der op it lân wurk bleau foar de arbeiders die leaver jirpels setten en biten dolden as efter een masine op it fabryk wurkje.

Oer de takomst fan de Fryske literatuer prakkesearre er net. Yn de jierren sechstich wiene der goeie skriuwers by ’t soad yn Fryslân. Dêrby hearre wie feitlik Trinus syn iennichste dúdlike ideaal.

Feroarlikens

Antsje Swart - Fers2 5.12, 16 juny 2019

image oantinkens oan trinus riemersma

Trinus woe, sei er noch foar’t er mei Fabryk útein sette, net yn in streaming reitsje dy’t him regels oplizze soe en syn frijheid blokkearje. Hy woe gjin fêst stramyn, net foar syn hanneljen en net foar syn emoasjes. De ynjouwing fan it momint sels brûkte er om him troch it libben te slaan en ek om de romansênes te skriuwen. De feroarlikens fan wat by him opkomme koe wie syn frijheid. Dat idee fan artistike frijheid wie romantysk neffens it boekje: de geast wie spontaan, echt yndividueel en frij fan regels en it libben wie solitêr ynstee fan yn ’e maatskippij. Jo hoegden jo allinne mar oer te jaan oan de machtige natuer en it heroyske ferline. Hoe Trinus it krekt útdrukte wit ik net, mar hy leaude deryn.

Fan de jierren fyftich ôf feroare it boerelân hurd, ta Trinus syn fertriet. Hy lokalisearre frijheid yn it bewurkjen fan it lân, mei de bleate holle ûnder de sinne, sis mar. Mar tagelyk mochten jo ynienen hieltyd mear sels witte hoe’t jo jo libben laten. Hieltyd minder bepaalde de sosjale ferwachting wat der fan jo telâne kaam.

Sa wie Trinus syn broer Sytse gjin trouwe tsjerkgonger. Hy gie mei kryst, peaske en pinkster, miskien om’t dy twa sneinen hawwe. Want sneins as syn âlden yn tsjerke sieten, himmele Sytse it hiele hûs, as wie er in famke, en hie er de kofje brún as se wer thús kamen. Doe’t syn freon deagien wie, fan it bensinesnuven sei Sytse, gie er nearne mear hinne en dronk tefolle, mar waard in húsman. Ek Trinus hoegde net yn de fuotleasten fan syn heit en pakes en wrotte op it lân. Hy koe fierder leare op de kweekskoalle lykas syn broer Sytse, tanksij broer Willem en suster Tsjikke dy’t mei­fertsjinnen yn it húshâlden. It rûn hast mis doe’t Trinus him lyk foar it eineksamen fan skoalle stjoere liet.

Fan de tadracht ken ik dizze ferzje. Trinus hie yn de klasse in frouljusearmbandsje om, miskien ien fan my, en doe’t de learaar dat seach moast er it ôfdwaan. Trinus wegere. Dêrtroch waard it in gefal foar de direkteur dy’t gjin jonges mei famkessieraden op syn kristlike kweekskoalle ha woe. Homoseksualiteit wie in gefaar op skoalle, jo koene gjin ûnderwizer wurde en waarden fan ’e oplieding ôf stjoerd. It wie noch foar’t dûmny Alje Klamer syn ynkringende bea útspruts foar homoseksuelen. Wis oerdreau de direkteur ek: in sieraad makket noch gjin homo, hie syn belied wêze kinnen. Hoe dan ek wegere Trinus om him by de winsk fan skoalle del te lizzen. De earmbân bedarre yn it laad op ’e direksje­keamer. Trinus waard fuortstjoerd. Trinus syn mem en broer Willem tôgen nei Dokkum om de direkteur te fermurvjen en it earmbandsje op te heljen. Om ’e nocht: Trinus koe net werom op skoalle komme. Mar salang’t Trinus syn mem, Gryt, libbe, hat se Trinus oer de holle strutsen. Alles wat er die neamde se bysûnder; in oardieljende of nuodlike opmerking haw ik fan har nea heard.

Nee sizze en tsjinakselje koene jo jo hieltyd mear permittearje. De S5 is ek sa’n saak. Alle wurkdagen al om njoggen oere oant wol alve, as Gryt de jirpels echt opsette moast, kaam har suster, Trinus syn muoi At, te kofjedrinken. Hja wenne yn deselde strjitte, hja wie der altyd en hja hie de nuverste ferhalen want hja leaude yn geasten ensafuorthinne. Har soan, Trinus syn neef Sytse, wie troud mei in Betsy út Aldsyl dy’t krektsa’n nuver typke wie en sels mankearre er ek wat. Hy woe allinne dochters ha en doe’t syn Betsy op in stuit in jonkje krige moast dy yn jurkjes rinne oan de beukerskoalle ta. Net foar neat waard Sytse om psychyske ynstabiliteit ôfkard foar militêre tsjinst; dêr swetste er oer. Mar foar Trinus wie syn ien jier âldere neef in grut foarbyld. Neffens Trinus moasten jo kontakt sykje mei de gewoane minsken mei har trochlibbe kennis. Bestjoer­ders, sei er, hawwe gjin idee wat har bewâld betsjut foar de lju dy’t it rekket. It folkske wantrouwen yn it regear en de pommeranten is in trochgeande ûnderstream yn de Fryske politike tradysje. Efkes letter wie Trinus syn skriuwend fermidden foar Amearika en tsjin Fjetnam, om’t wy meifielden mei de jonge soldaat dy’t fier fan hûs mobilisearre waard…

Doch gek op ’e keuring, sei Sytse tsjin Trinus. Laitsje dom om alle fragen en just de serieuze. Trinus die dat, mar waard goedkard. Dus rûn er fuort út de kazerne en, slûchslim, oer de Dútske grins, wat se ek bestraft kinnen hiene as desersje, oerrinne nei de fijân. Mar hy waard dochs noch ôfkard op min psychysk funksjonearjen. It ferhaal gie dat S5 reden wie om net oannommen te wurden yn oerheidsbanen en sa. Mar S5 wie medysk geheim. KFJ-freon en haadmaster Jaep Dykstra naam Trinus op ’e herfoarme legere skoalle yn Gau oan foar klasse 1-2. Dalik frege in toanielferiening tusken Goaiïngea en Snits oft Trinus har fersterkje woe. Trinus mocht graach toanielspylje en fytste nei de feriening tegearre mei bakker Van der Heijde út Gau. Nei it winnen fan de Rely Jorritsmapriis yn ’62 woe Trinus him op it skriuwen smite en koe it toaniel net mear. De bakker hat noch in pear kear frege, mar tenei bleau it by in petearke oer regy-oanwizingen, by de bôlekar.

Begrave

Antsje Swart - Fers2 5.15, 6 oktober 2019

image oantinkens oan trinus riemersma

Alle tongersdeitejûnen moast Trinus betiid bôle-ite. Tusken seis en healwei sânen gie er dan de doar út nei syn kursus foar learaar Frysk en kaam let wer thús. Mei dy stúdzje foar de MU-A-akte begûn er om 1960 hinne, doe’t er noch by muoi Duot yn ’e kost wie yn Gau, of miskien doe’t wy yn Loaijingea kamen te wenjen, ik wit ik net mear. Wat my noch heucht is dat it retoertsje mei de bus nei Ljouwert ien gûne koste. Dat skreau ik op yn myn húshâldboekje.

In pear jier letter, nei’t er de Rely wûn, woe er ek skriuwer wurde en hy wie ûnderwizer en wilens ek heit fan twa, en dêrby dy kursus. Al lies er de stof efkes troch en helle dan syn tentamens, dat wie alle twa moannen wol ien en hy hie it drok genôch. Dochs hie de fraach fan wêrom wolst der feitlik in akte Frysk by dwaan, ûnnoazel en oerstallich west. Want fansels! It Fryskeigen waard bedrige troch De Haach. Noard- en East-Fryslân wiene al fan it Fryslân ôf broazele, en net dat Trinus foar it stribjen fan syn maten wie om wer in grut-Frysk ryk te stiftsjen, mar hy lies Theodor Storm: it wie in romantysk ideaal. Hy woe de âlde Fryske kultuer rêde fan ’e ûndergong troch dy op te nimmen yn de kultuer fan de sechstiger jierren.

Hoe’t er dat ha woe, yn alle gefallen mei sân of tolve soannen. Jonges koe er grutbringe sa’t er woe. Dat neame wy hjoed seksisme, mar yn Trinus syn fermidden fan begjin sechstich hie in frou neat yn te bringen. Trinus syn mem, bygelyks, wie in bysûndere en yntelli­ginte frou, mar macht hie se net. Trinus tocht der beslist net oan dat jo genderferhâldingen feroarje koene. It kaam by my likemin op, hear, mar stel ik hie him útsteld fan, doch do it skriuwen, dat kinst goed, en dan doch ik de noardlike leargongen?

De iennichste dy’t oan dat patroan ûntsnapte wie Tony Feitsma. Sadree’t Trinus serieus begûn mei skriuwen learde er har kennen. Syn wurdearring foar har wie enoarm. Hy hie it gefoel dat sy him begriep. Mar ek kin dêr, yn dy freonskip, Trinus syn tinken groeid wêze fan as ik mar professor bin, dan harkje se en dan kin ik Fryslân ophelpe.

Mar dêrom wie it studearjen net ynstruminteel, net kennis is macht. It wie gewoan moai om te studearjen, tocht er. It gie Trinus net om de feiten en it rasjonalisme, mar altyd om it, sis mar, kultureel selsbegryp troch de natuer te kennen en de lokale myten. It sljochtst wie er op de âlde skiednis fan Fryslân. In oerstreaming dêr’t er my oer fertelde, by Ferwert, dêr’t er weikaam, wie ea wol wier bard. Trinus fertelde it my as in grouwelferhaal, want dat mocht er graach dwaan, oer it byleauwe dêre.

De see dy’t fier it lân yn streamd wie, hie in moaie laach klaai meibrocht en luts him doe werom. Ek de bewenners kamen werom en tochten, as wy hurd in dyk om ’e droege see-earm hinne lizze, keare wy de see tenei en ha wy geweldich fruchtbere grûn. In jonge boer wie in tinker en achte de rede de iennichste wei nei kennis, en hy hie ferlet fan goed lân. Mar woe er de nije grûn ha, dan wie er bûn oan it byleauwe fan ’e mienskip: dat jo jo hûn yn ’e seedyk ynmitselje moasten om jo grûn feilich te hâlden foar de see. It ferhaal wie in romantyskenien: dat gjin hûn yn ’e dyk, de dyk brekt troch, froulju en bern ferdrinke en de jonge boer krijt fan alles de skuld.

Dat no seach Trinus, sei er, as in parabel foar it Fryslân fan de jierren sechstich. It is my nea dúdlik wurden wa’t er yn ’e dyk begrave woe. Mar ik tink de politisy út De Haach.

In profetysk plak

Antsje Swart - Fers2 5.16, 20 oktober 2019

image oantinkens oan trinus riemersma

Alle skriuwers reservearje wol in spesjaal plakje foar harsels yn ien fan har romanfigueren, dêr’t se har krekt wat mear mei identifisearje as de oare. Mar Trinus wie hiel wis oer in flink plak foar himsels yn de earste romans. Hy wie in grutte opskepper, lykas hast alle tweintigers, hy sei “Ik bin hiel yntelligint!” en “Ik skriuw in boek dat de bibel oerstallich makket!” Hy seach himsels mei syn reade hier miskien as as oars. Trinus syn mem en syn heit wienen al nuver, fertelde Trinus syn optwingerige muoi At sûnder ophâlden oan wa’t it mar hearre woe. Miskien koe it net oars of it plak dat Trinus foar himsels reservearre yn syn earste boek wie yn de ûnwrâldske figuer dy’t oars en miskend wie, de god fan stront en jiske.

Fabryk is de dramatisearring fan wat Trinus syn âldere broer oerkaam. Dy koe him net oan it yndustriële ritme op it molkefabryk oanpasse en waard siik. Mar yn de ik-figuer hat Trinus, ik tink op roai en goai want yn Fryslân wie syn soarte fan skriuwen in folslein nije manier, romte makke foar himsels. De maat fan de ik-figuer, Sybesma, is ek in bytsje Trinus. Mar dalik yn it begjin lit Sybesma him sjen as de âldere, faaks net wizere, mar wol handigere figuer, as in broer dy’t jo faak te snoad ôf is. Wy praten jûns oer de dialogen dy’t yn Fabryk komme moasten. Trinus feroare dy sa’t it it meast realistysk hearde. Mar wilens tink ik no, die er it sa dat er as skriuwer en as ik-figuer syn eigen tinken oer it barren sjen litte koe.

Dat wol sizze, net sa’t dat wie, mar sa’t er woe dat oaren syn tinken seagen. Want yn de earste trije romans hat Trinus in profetysk plakje ynnommen, dy rol hie er graach. Miskien hawwe alle skriuwers dy graach. Mar Trinus loste de skeel fan it libben op mei grapmakkerij en al wie er hiel grappich, soms eskalearre de saak just en hy ferlear freonen oan syn grappen en dat spiet him. Dêrom socht er wat, sadat er it, as it te hyt ûnder de fuotten waard, net mei healwizens hoegde te oerdekken. Ek sei er nei Fabryk fan “Ik wol wat lichters skriuwe.” Hy die as bedoelde er ‘lichter’ foar Fryslân, dus ‘kristliker’, mar it gie him net om de seks dy’t swier foel. Hy woe it lichter foar himsels as skriuwer, minder ellinde, minder tryst gefoel en minder hopeleazens fan in ik-figuer dy’t him net rêde kin.

Mar, efterôf sjoen, want op it stuit sels fûn ik it geweldich wat er skreau en frege ik nea fan “wêrom krekt wolst dat?”, koe dat ‘lichter’ net samar. De ik-figuer waard in frou. Wat krekt wie in frou? Trinus hie my sein dat er tolve soannen woe, mar al hie it ien soan west: it ferskil doedestiids tusken manlik en in froulik is wa’t de bern bernet. Dat Trinus liende in boek fan dokter Kerbert oer bertes en misbertes, mei plaatsjes. Berte en dea, de simpele libbensfeiten en dochs rôp er jûns: “Dit kin ik der net yn sette, dit kin ik net opskriuwe.” It wie syn eigen faaleangst dy’t yn de roman kaam, yn Wilma en Arjen.

Fabryk wie noch net in roman mei in plan mar ien dy’t groeide. Op it lêst lieten alle freonen de ik-persoan yn ’e stiik. Dy ûntrou wie slop, tocht Trinus en naam hieltyd mear ôfstân fan de oaren en hechte him oan syn ‘ik’. Sybesma waard in spegelfiguer, ien dy’t troch wat er miste just sjen liet wat de ‘ik’ wol hat oan djippere wearden. Mar Sybesma prate lykas Jo Smit. Trinus adorearre Jo. Hy woe himsels sjen litte mei de rêstige bespegeling op komplekse situaasjes en in bewûnderensweardich helder ferwurdzjen derfan, dat fuortkomt út in begryp, dat Trinus noch miste, fan wêrom’t minsken beskate posysjes ynnimme of just net, dat bygelyks bliek út Jo syn praten oer syn wurk foar de radio.

Dêrom is yn Minskrotten-Rotminsken Trinus syn plak foar himsels net yn de skriuwersfiguer, jo moatte it net lêze as in roman-à-clef, mar yn de radioferslachjouwer Hanenburg. Yn dy figuer koe Trinus him sjen litte sa’t er wêze woe. Hy wie der in lichemsleaze man fan taal, de ûnoantaastbere bringer fan nijs, mei in lykwichtige wjerjefte fan saken, mei kleare hâldfêstsinnen, sadat der gjin fragen mear wienen. En ik tink ek mei it selsbetrouwen dat er sels noch net hie en dat Ype Poortinga, Tony Feitsma, Tiny Mulder en benammen Jo him joegen, sadat er himsels dat ideallisearre plakje doarde te jaan.

Klokkespiler

Antsje Swart - Fers2 5.19, 1 desimber 2019

image oantinkens oan trinus riemersma

Trinus woe skriuwe sûnder ôflieding. Mar nei trije moanne op Loaijingea en gjin krante en neat, wie Trinus syn heit bang dat wy de bân mei de werklikheid kwytrekken en hy kaam oansetten mei in nije útfining, in transistorradioke. Krekt jierren letter kaam der wer nije technyk by ús yn ’e hûs, de typmasine. Teefee woe Trinus neat fan witte. De radio holp ek net. Ik kin my net heuge dat Trinus nei it nijs op ’e radio harke. “Dêr haw ik gjin tiid foar. Ik haw it drok.” In skoft lang wist ik wier net wat der om ús hinne yn ’e wrâld barde, mar hy likemin. Dat wie apart foar immen dy’t úthold dat er oer de echte deistige dingen fan de gewoane man skriuwe woe.

Wis wie Trinus in literêre realist yn dy sin dat er absolút leaude dat de moderne skriuwer de opdracht hie om de minsken dy’t it minder goed troffen hiene te ferdigenjen. Hy wie tsjin op fabriken en it útwreidzjen fan Ljouwert ta in grutte yndustrystêd: Fryslân moast Fryslân bliuwe en foar de Friezen. “Fryslân stiet stil,” sei er. Hy woe Fryslân yn beweging ha. Mar al skreau Trinus wol oer de sosjale swierrichheden fan de lege klasse, hy die dat sûnder de observaasje dy’t dêr foar de realisten by hearde. Hy koe himsels wol in realistysk skriuwer neame, mar dat wie er net: hy beseach de werklikheid net.

Hy kearde him sels ôf fan wat der barde yn de realiteit. Yn Gau hiene wy in buorfrou mei in krante, as se him úthie krigen him. Mar Trinus tocht dat it de grutste ûnsin wie wat se diene yn Amsterdam en yn San Francisco mei syn hippys en drugs en wat yn Amearika barde. “Dat losse!” sei er, “dat libbet dêr mar wat!” Amsterdam woe meidwaan mei it folslein lossleine Amerikaanske libben: it kaam noch tichterby ek. Dat hy moast Fryslân beskermje. Friezen moasten harsels bliuwe: in Fries socht wurk sa ticht mooglik by syn âlden en leafst yn it berop dat de heiten ek hiene, hy socht in frou, hy krige bern. Mar ja, de sechstiger jierren kamen ek nei Fryslân. Dan koe Trinus de krante mei drama fan him ôfsmite en lies him op in stuit net mear. Want it wie net syn realiteit. Dêr wie er hiel hurd yn.

Yndie wie nei de oarloch de ûntjouwing efkes fluch gien. De auto’s kamen, minsken ferhuzen en it wurk feroare fan plak en automatisearre. Lânarbeiders moasten oar wurk sykje, foar har wie der efkes wurkleazens yn Fryslân. Mar dat wie yn de jierren fyftich, want ik wit noch dat ús heit nei Grinslân moast foar wurk en op in dei hielendal oerémis thúskaam want yn Hongarije wie de opstân útbrutsen. Yn 1956 wiene minsken benaud foar wer in wrâldkriich. Mar ik sjoch de “wâldsjes”, losarbeiders mei har hiele hab-en-hâld op de boerekarre, noch by ús Sint Anne delkommen. Yn dy tiid, ik wie in famke, hie Sint Anne sels noch plak foar wenweinen. Mei har frou en alle bern ferhuzen de wenweinlju hieltyd wer, it wurk efternei, om it húshâlden itende te hâlden. Ek krige Ljouwert yn de jierren fyftich hiel wat repatrianten út Ynje te wenjen, fan de oare kant fan ’e wrâld ôf. Fansels fertelde ik Trinus dêroer: syn fêstigens wie in lúkse dy’t net foar elkenien weilein wie.

Apart wie dat letter yn Gau, doe’t de Boerepartij al bestie, as minsken út de râne fan it doarp by ús delkamen om it ien of oar, Trinus altyd de tiid naam om nei har nijs te harkjen, alhoe’t er syn tiid besteegje woe oan skriuwen. Ik hie gjin idee wêrom’t er dat die. Ik gie mei de bern te kuierjen om him stilte foar syn skriuwerij te gunnen, en dan eamelet er syn tiid fol. Mar letter begriep ik it, dat wol sizze ik lies it yn syn boeken. Nei sokke besites fan aparte lju makke er fluch notysjes, om dy dan letter yn syn dialogen te ferwurkjen. In stream typstra’s kaam del nei Trinus syn ûntslach om it godslasterlike boek, om har solidariteit te betsjûgjen mei de skriuwer dy’t lykas sy skansearre wiene troch de wrâld. In âlde fint spile it kariljon yn ’e Martinitoer yn Grins, sei er, al tink ik dat er dat wurk al lang net mear die. Likegoed hie er de hiele reis makke om Trinus in nije baan oan te bieden: neist him as klokkespiler.

Underwilens siet Trinus syn âldere broer Sytse geregeldwei yn Amsterdam. Yn it wykein kaam er faak by ús del. Ta myn fernuvering woe Trinus dat Sytse him wiidweidich fertelde oer wat se allegearre wol net diene yn Amsterdam, de antysmookmagiër by ’t Lieverdje op it Spui, Veldhoen mei de bakfyts mei rotaprinten, frije froulju. Mar it befêstige Trinus syn tinken: Amsterdam wie dus yndie in oare, domme, losse wrâld. Doe kaam it Boekebal. Trinus moast nei Amsterdam yn ’68. Wy wiene útfanhûs fuortby de Seedyk. Ik wit net oft it Trinus tafoel of ôffoel: “Is dit no Amsterdam?”

Lammetsymet

Antsje Swart - Fers2 5.20, 15 desimber 2019

image oantinkens oan trinus riemersma

It alderearste, tink ik, dat ik fan him lies wie oer de ûlebuorden. Trinus hie neat sein oer dat er foar dy stikken op ’e fyts troch Fryslân moast, om te praten mei de bewenners fan de pleatsen. Hy hie neat ferteld oer it beskriuwen fan de tekens yn it Fryske lânskip. Ik wit net mear oft ik De Gouden Tiid kocht of dat ik him fan Anne Akkerman en Jante Geartsma fan de KFJ krige, mar sa stjitte ik op syn ûlebuordartikels. Ferhalen, fiksje, skreau er noch net. It wie gjin keunst mar sjoernalisme. De ferbining, by Trinus, wie fansels wierheid, werklikheid. Op in stuit hie Trinus in pear kear by de dichter Kiestra op besite west. Oft de petearen oer literatuer giene of oer dat stik fan Fryslân dêr’t Kiestra wenne, de greidhoeke, wit ik net. Mar Trinus wie djip ûnder de yndruk fan Kiestra. It is hiel goed mooglik dat Trinus doe de stap set hat fan beweger, en sis mar kronikeur fan Fryskheid, nei keunstner. Mar wat wie in keunstner?

Dat wiene jo, dêr wie Trinus wis oer, as jo jo hielendal ynsetten foar jo skepping. It soarge foar in omkear. Trinus krige hieltyd mear beswier tsjin de “fanatikelingen” fan de KFJ – alhoewol’t dy ek fregen om folsleine ynset foar it ideaal. Op ien KFJ-gearkomste op in sneon yn Terherne, wy hiene al in drokke midje efter de rêch mei bodzjen foar Fryslân, krigen wy sels gjin jûnsbôle. Wy moasten fêstje en oan Fryslân tinke: stil wêze en meditearje op Fryslân frij! Jante hie aldergelokst in rol koekjes yn ’e hantas. De oare moarns siet ik yn ’e bus nei hûs mei Jehannes Terpstra. It fielde as hiene se ús harsenspield, al koene wy dat wurd noch net. Wy seiden, it is absurd wat de beweging freget. It spirituele liederskip derfan ferklearret efterôf Trinus syn koelte njonken de KFJ: temin frijheid fan ekspresje foar de keunstner. Hy kaam swijsum thús fan ’e gearkomsten, myn sus en ik seagen inoar mar stil oan. Mar it ferklearret ek syn folkske tinken oer de keunst syn iepenbieringsfunksje.

Keunst easke just gjin ûnminsklikens. Trinus kaam graach nei Sint Anne foar de lammetsymet. Alle boeren dy’t har skiep ferkochten, de draaimûne, clowns, akrobaten, de lju fan it sigeunerkamp, dat wie prachtge lossinnigens. Boppedat, fan de grifformearde likegoed as de herfoarme tsjerke moasten de gerdinen ticht mei de merke en jo weagen it net om dan op ’e dyk te kommen, mar op lammetsymet mocht alles: Trinus moast der osa om gnize. Net om ’e hypokrisy, mar ferromme, om’t Bilkerts inoar mear gewurde lieten en minder feroardielen en it libben lichter nommen as yn Ferwert. Trinus tocht dat der keunst siet yn lammetsymet.

Dochs bleau it skriuwen foar Trinus konkreet, taal, wurden, mar ek ritme en lûd. Dêrom lies er syn nije stikjes lûdop, keunstsinnich skriuwen moast soepel “rinne” en dat koene jo “fiele” en dan wie it goed. Dus literatuer hie net genôch oan it stik werklikens dêr’t it oer gie en oan it boadkip: “Jo kinne it net samar opskriuwe.” Styl en foarm wiene ûnmisber, it fûnemint fan keunst wie ambacht. Dat hie er him hielendal sels oanleard troch te lêzen, de Hollânske boeken út de santjinde ieu, sei Trinus, en troch sels te skriuwen, by de KFJ. Mar wat keunst ekstra hie, wat it ferskil fan keunst mei goed ambacht wie, sei er net. It is goed mooglik dat dy twa gearfoelen.

In pear dagen lyn stie in skriuwer yn ’e krante, dy wenne sechstjin jier lyn yn Amsterdam en naam altyd trem 1 nei hûs en no kaam er efkes te sjen yn ’e stêd en wie ferstuivere: syn trem wie fuort. Dat brocht him yn it sin hoe’t er doedestiids nachts, as de trem ophold fan riden, wurke en oerdeis sliepte: yn ’e nachtstilte bobbelen de sinnen samar op en yn ien kear perfekt teplak. Miskien siet syn ambacht him yn ’e fingers troch jierrenlange praktyk, mar likegoed kaam literatuer sûnder bodzjen en stilearjen út de nacht fallen. Trinus soe soks fersmiten ha: literatuer wie flyt dwaan op fersprieden fan moaie taal en stylfol iepenbierjen fan werklikens.

Ek it boadskip wie wichtich. Jo koene net oeral oer skriuwe. Trinus hie in hekel oan heger pleatse lju, bazige lju, lju mei jild. Mar alhoe’t er yn ’e hûs rûn te foeterjen, hy kreake har net ôf yn syn boeken. Oer de KFJ hat er likemin skreaun, al seach er Jaep Dykstra, foarman fan ’e KFJ, net as in yntegere figuer. Hy skreau ek nea wat loovjends of kritysk oer de beweging. De Fryske foarhoede ferlear syn ynteresse neigeraden er mear by it literêre tydskrift De Tsjerne belutsen rekke. Mar yn ’t generaal gou: oan politike lju fergriemden jo gjin literatuer want: “Praatsjes, praatsjes, praatsjes en net ien hat der wat oan.” Jo skreaune prinsipjeel oer it lânskip en oer de gewoane hurdwurkjende man dêryn. Mar oer hurdwurkjende froulju hoegden jo net te skriuwen, alteast Trinus net. Yn syn twadde boek wie de held in frou en dêr hie er in hiele klau oan. De held dêrnei wie in hurdswimmer en Trinus wie in stik fleuriger ûnder it skriuwen en gie ek wer mei op famyljebesites. Hy hie grif tocht fan: dit net wer.

Wie dat no in grap?

Antsje Swart - Fers2 6.1, 16 febrewaris 2020

image oantinkens oan trinus riemersma

Wat miste by Trinus wie in soart fan spontane oerjefte oan ik tink alle keunst. Trinus syn broer Sytse hie altyd de radio oan op klassyk, mar as Sytse efkes de doar útgie draaide Trinus dalik de radio út: “Gjin lawaai oan ’e kop.” Us heit en mem hiene op in stuit in kalinder mei tekeningen fan Van Gogh, dat wie hiel wat: keunst yn ’e hûs. Mar Trinus seach der efkes nei fan no ja moai. Op in kear harke ús heit nei Debussy. Hy gie dêr hielendal yn op en sei tsjin ús fan “Hoar ’es de storm komt op, nou hoar ’es de golven!” Trinus harke serieus, mar doe’t wy wer nei hûs ta giene sei er tsjin my: “Wie dat no in grap?”

Trinus hie wiswol lyryske poëzy skreaun, mar as fjirtjinjierrige jonge. It wie suvere romantyk. In pear jier dernei op skoalle yn Ljouwert lies er Hooft en Vondel—en Louis Paul Boon—en hy treau my syn skoalboekjes yn hannen: “Hast dy al ris lêzen?” As hy it sizze mocht wiene dat de bêste dy’t wy hiene, miskien mei Marsman, sei er tsjin ús heit. Mar letter doe’t er sels skreau hie er, sei er, gjin tiid foar poëzy. No ja, gewoane losse leafdeslietsjes kosten him gjin tiid, bewearde er: “Dêr gean ik los oerhinne en hoech ik de djipte net yn.”

Tiid wie altyd it ding by Trinus. Alles wat langer duorre, sa as dat ik yn Loaijingea út it rút seach nei de prachtige loften en sei “kom ris te sjen, dit kinsto brûke”, dan wurp er fluch in blik: “Ik haw it sjoen.” Ut himsels seach er nearne nei. Jo koene him úttekenje sa’t er nei hûs ta rûn út skoalle wei: syn eagen strak op ’e klinkertdyk. Hy wie net it type om mei op in bankje yn it museum te sitten en te sjen en nochris te sjen. Trouwens, Trinus besocht tink ik nea wat opnij. As er de wearde net seach, wie it neat, en as er yn in mylde bui wie, wie it neat foar him. It wurd muoite, dat sei Trinus net.

Moarns as er him oan it waskjen wie of sa deklamearre er faak aparte rigels, soms mei rym en al. Ik moast der om gnize, it wie faak gekheid by Trinus, mar hy makke der wol in oantekening fan. Letter wurkje ik it út ta in gedicht, sei er dan. Dat is der nea fan kommen. Ik stie der net op oan en liet him altyd syn gong gean mei de skriuwerij, mar hy ferûntskuldige him sels wol: hy moast hurd fierder mei syn roman. Wylst ik tocht fan as er oare keunst en de bûtenwrâld yn him opsûcht, dan helpt dy djipte, sa’er it neamde, syn skriuwen, seach er dat sels as tiidfergriemen. In naturalistyske skriuwer wie er net: hy moast alles helje út syn fantasy.

Douwe Tamminga moanne Trinus altyd om stadichoan. “Lykwicht en oersicht,” sei Tamminga. Dat wie just wat Trinus net woe, of net koe, mar Tamminga hie wat heit-eftichs. Wat Trinus net tsjin my sei, sei er op in stuit wol tsjin Tamminga, doe’t dy ris nei Gau tafytst wie. Net dichtsje kinne fielde as in tekoart, sei Trinus. Hy woe graach mear fan in dichter yn him hawwe. Hy sei dat er muzyk miste, it ritme en melody, mar dat dat net slagge. It moast spontaan komme, sei er, lykas de geregelde twa gekke rigeltsjes, op berneferske­manier; as it net spontaan kaam wist er net wêr’t er it weihelje moast. Mooglik koe der mei gitaarspul een gedicht útrôlje mei djipte en ritme. Tamminga andere fansels fan meitsje no dyn roman mar ôf.

It gitaareksperimint hie wol moai past by de tiid en de beat-generation—mar de beat wie neat foar Trinus. Hy woartele yn it njoggentjinde-ieuske romantysk realisme en naam it skriuwen earnst. De dichters van Barbarber, mei har ready-mades en komyske rigels, lju dy’t feitlik krektsa dichten as Trinus sels, dy neamde er mar efterlik: sa dichte hy op de legere skoalle al.

As Trinus in roman skreau tocht er nei en wist er yn ’t foar wêr’t er it oer ha woe, de tryste ferfrjemding fan de fabryksarbeiders of de kweaardige en bekrompen dûmnys. As Trinus in fers skreau ferwachte er – hiel romantysk en ik koe him net op oare gedachten bringe – dat de muze op syn skouder it him ynblies. Dat de muze net kaam fûn er tink ik in rotstreek.

Niks foar my

Antsje Swart - Fers2 6.2, 29 maart 2020

image oantinkens oan trinus riemersma

YYn Beetstersweach waard, as ik my net fersin, alle jierren in spul fan Brecht opfierd, yn it Frysk. Mei in frij grutte ploech fan De Gouden Tiid, mei Jante, Anne Akkerman, Jehannes Terpstra út Minnertsgea en Jaep Dykstra, giene Trinus en ik der, yn ’61 of sa, hinne. It wie Der gute Mensch von Sezuan. Nei ôfrin hie elkenien it deroer hoe prachtich se spile hiene en bysûnder oft it der útseach op it toaniel. Myn heit hie Brecht syn boeken út de bibleteek helle en thús ferteld oer wat deryn barde mei de karakters. Mar op ’e Sweach waard oer de ynhâld fan Sezuan net praat. Ik wie nij by it Gouden Tiid-ploechje, ik frege neat. Wy moasten wer in ein nei hûs ta fytse. Blykber wie it gjin gewoante dat se neipraten oer it ferhaal en de minsken. Trinus sei ek letter neat oer Brecht. Trinus wie nochal drastysk: as in skriuwer him net befoel lies er der gjin inkeld boek mear fan. Dat lei net oan har skriuwstyl, want dy kende er feitlik net.

Brecht skreau wol oer gewoane lju yn it algemien, mar yn Sina, en sels wie er in Berliner. Dat foel ferkeard. Want Trinus sei tsjin ús heit – dy syn adfys oer boeken respektearre er; wylst er tsjin my geregeld sei fan ‘niks foar my’ – dat it stik kust fan Noard-Dútslân skriuwers herberge dy’t skreaune oer har eigen gebiet en dy hiene mear fan de Fryske skriuwers. Trinus bedoelde dat as in warskôging: dat hearden skriuwers dus te dwaan. Se moasten oanslute by har folk en har skriuwen oer de eigen omkriten soe de Fryske striid ûnderstypje. Doedestiids wie dat de striid om de Lauwerssee ticht. De striders dêrfoar wiene fanatikelingen, in nuver ploechje dat de âlde Fryslannen wer ferienje woene. Trinus hie miskien mar fjouwer hantekeningen ophelle, dy fan syn mem en syn broers en suster; by de doarren lâns die er sowieso net. Al gau hearden jo Trinus net mear oer de Lauwerssee.

Wat Trinus fan lêzers ferwachte wie absolút net dat dy it boek útlies en fuortlei mei in “no leuk”. Trinus woe gjin keunst om ’e keunst of ferhaaltsjes foar de ferdivedaasje. Hy woe feroaring fan de wrâld dy’t direkt om de lêzer hinne lei. De lêzer moast yn aksje komme, foar it fryskeigene. Net dalik hoegde er fan Fryslân frij! oer de dyk te razen, mar hy moast ta ynsjoggen komme oer hoe’t de wrâld yninoar siet.

Fierder moast de lêzer in dreamer wêze. Yn Fabryk woe Trinus by de lêzers in byld oproppe fan oan ’e iene kant it monotoane rinnende bânwurk en oan ’e oare kant it natuerlike, minsklike lânwurk. Mar yn realiteit wie de lânbou al fierhinne meganisearre. Trinus hie sels folslein gjin ûnderfining fan lânwurk, ek net fan de tún fan syn mem dêr’t se de reade en wite koal, jirpels en ierdbeien hie. Op it stuit dat Trinus keas foar research foar syn roman, gie er net te wurkjen op it lân mar op it kondinsfabryk yn Ljouwert. It tink dat dêr doe noch gjin inkelde frou wurke.

Op it lân wurken in hiel soad froulju, ik hie sels ek op it lân wurke. Mar Trinus seach in manlike lêzer foar him. Dêr stie ik doe noch net by stil want it wie deagewoan in mânljuswrâldsje. Net inkeld it Fryske skriuwen fan froulju, ek bygelyks har skilderjen waard besjoen as nifeljen. Trinus syn broer Sytse kaam alle sneontemiddeis del, as er net yn Amsterdam siet, en fertelde oer de dolle mina’s yn Hollân. Al harke Trinus graach nei Sytse, sokke froulju moasten fral net nei Fryslân ta komme.

Mar in boek moast net foarkôgje ‘tink derom, sa is it’. Trinus woe dat de lêzer sels útfûn hoe’t de Fryske wrâld feroarje moast: yn Fabryk troch werom yn de tiid te gean. By dy útkomst woe Trinus de lêzer bringe, sa’t er hieltyd útlei, troch him earst te lokjen mei in grapke en dan yniens in wâd ûnder de kont. Sjokkearje die er net inkeld yn boeken mar ek yn it libben. Wiisde er in prachtige pleats oan en jo seinen ja wat moai, dan andere er: der hat oars wol in moardner wenne.

Fabryk ferkocht hiel goed, wat bewiisde dat de lêzer deryn trape. Soms kaam kunde nei Trinus ta en sei dat se it in knap boek fûnen en Trinus frege dan: ha jim it kocht? Guon hiene gjin jild foar boeken en seine dat fan nee, wy hawwe it út de bibleteek. Dan hoegde Trinus net mear te witten wat har miening wie.

De hangreep fan ’e bus

Antsje Swart - Fers2 6.3, 10 maaie 2020

image oantinkens oan trinus riemersma

Trinus seach net om him hinne foar de beskriuwingen fan it plak en de dingen en minsken yn syn romans. Hy wie net in om-him-hinne-sjender. Hy gie net mei te kuierjen. As sneins myn broer en skoansuster op besite wiene, rûn er mei ús efkes de reed del oant de dyk fan Loaijingea nei Snits en dan gau wer nei hûs en mei de noas nei de punten fan syn skuon. Beskriuwingen die er meast út de holle. As er bygelyks de hângreep fan de bus beetpakt hie om yn te stappen, koe er him dat opnij yntinke en dan skreau er op hoe’t it neffens him west hie. Dat gie net altyd goed, sei myn dochter. Yn By de hannen om ’t ôf stiet dat de lytse wizer fan ’e elektryske klok stadich nei nei de tolve ta skode: dat it omtrint acht oere wie. Mar klokken ha de lytse wizer foar de oeren. De grutte wizer giet op elk oere de tolve foarby, net de lytse.

Gjinien hat dat opmurken, de redakteur net, útjouwer net en gjin besprekker. Mar it is in passaazje dy’t typysk sjen lit hoe’t de skriuwer te wurk gie. Foar By de hannen om ’t ôf mocht Trinus in boek fan ús dokter liene, mei plaatsjes fan groulike berteôfwikingen. Efterôf tsjinne dat boek net it krekt beskriuwen fan it popke, want yn ’e roman kaam in miskream, mar om myn reaksje te sjen: ik woe nea mear in bern krije! Trinus lies my by de earste By de hannen-ferzje foar wat er dy dei skreaun hie, oft it wier en moai klonk. Dêrnei skraste er in protte of paste it oan, opnij út de holle. Neisjen of freegje hoe’t it yn it echt gie – en net myn skrik as wiermakker nimme, fan syn spoekbyld fan wat yn ’e frouljusbuken groeit – hie er net oan tiid.

It ‘âlde wyfke mei de grutte tas’ út Fabryk is in beskriuwing dy’t rjocht út it eigen libben kaam. Nei de botsing krije omstanners it frommiske fan ’e dyk ôf. Oer har grutte tas hearre wy neat mear, dat wêrom dy tas? Mar Trinus syn mem kaam altyd del mei in grouwe wykeintas fol guod. Beskriuwe neffens wat Trinus sels belibbe wie “realisme” sei er. It kaam oerien mei syn libben. Syn belibbings­wrâld wie net grut. Want Trinus syn klam op eigen kar fan de personaazjes wie ek autobiografysk. Trinus woe syn libben liede neffens syn aldereigenste kar. Syn húshâlden moast oars as alle oare: gjin feestjes, gjin jierdeis, hat my nea lokwinske mei myn jierdei, hy hat syn mem ris op ’t lêste stuit keard om op syn jierdei te kommen, mei in kaartsje: “Wy fiere it net. Jim kinne net komme.” Ik woe de bernejierdeis wol fiere, mar dan moast ik sels de printe­boekjes mar keapje. Trinus kocht gjin kadootsjes. Wy seagen net in soad ‘gewoane lju’, dêr’t literêr realisme oer giet; wy libben sels ek net sa.

Fabryk wie in “swier” boek. It wie dalik in súkses. De Amsterdamske útjouwerij Nijgh & Van Ditmar brocht it út yn it Nederlânsk. Mar no woe Trinus in “licht” boek skriuwe. “It hoecht net bysonder te wêzen, mar gewoan goed skreaun en aardich om te lêzen.” Dêrnei soe er wer wat literêrs oppakke, dus hy woe der net lang oan wurkje. It soe gean in misfoarme bern, mei in grutte holle en grutte bult, dy’t mentaal fjouwer jier bleau, wat docht tinken oan Grass syn boek, en dy’t se op ’e merke útstalle, miskien wie dat “it lichte”, en it soe yn ’e ik-persoan lykas Fabryk, mar dizze ik wie in frou. Under it skriuwen – yn syn fêste skema, fan 4 oant 6 en 7 oant 10 jûns – hearde ik him al suchtsjen. Nei it foarlêzen rôp er: “It heart nearne nei, hoechst’er neat oer te sizzen; it moat oars.” De helte fan ’e fellen gie in haal trochhinne. Nei in pear sokke jûnen hie er der genôch fan. Alles bedarre yn ’e kladdekoer. Hy brocht it boek werom nei dokter Kerbert.

Hy begûn op ’e nij, wer sûnder fêste opset, foar de fûst wei, mar no sûnder suchtsjen. Mar in inkelde kear lies er in alinea foar, meastal ien dêr’t er sels om laitsje moast. It “lichte” ferhaal liket te slagjen, tocht ik, oant er op in jûn, nei oerenlang typen, sei: “Moast net sliepen gean, ik wol dy foarlêze wat ik skreaun ha.” Ik seach it oan syn gesicht: hy siet wer yn ’e fal. Hy lies it en sei: “It brêkt my wer by de hannen om ’t ôf. Ik kin it net sa krije as ik wol: it wurdt te swier of it wurdt te healwiis.” Ik tocht dat hielendal net. Dat hy frege de redakteur fan Miedema, syn útjouwerij, en dy sei itselde as ik: in protte goeie passaazjes en nijsgjirrige dialogen. Mar: de humor moast skrast wurde. Al fûn Trinus dat hiel spitich, hy lei him derby del: “Ja, ik hie’t oars yn ’e holle mar, wat der bart, misberte, is net om te laitsjen.” Hy keas foar de bibelske opfetting. Dan wie er der mar ôf.

Trinus hie echt tocht fan ik skodzje it boek út de mou, en dat wie net sa. Syn frustraasje is beholden yn ’e titel By de hannen om ’t ôf. Nei’t it ferskynde, noch gjin jier nei Fabryk, hat er der nea mear oer praat.

Pappegaai

Antsje Swart - Fers2 6.4, 21 juny 2020

image oantinkens oan trinus riemersma

Jo werkenden dalik ús famylje en buorlju yn ’e stikjes dy’t Trinus skreau: ien dy’t altyd sa die, in oar dy’t krekt dat sein hie. In skriuwer kin hast net tefoaren komme dat der wat autobiografysk yn syn wurk komt, sei Trinus. “In figuer yn jo boek is lykas dat jo in pappegaai hawwe.” Ik wit net oft Trinus ea in pappegaai sjoen hie. Hy bedoelde tink ik dat as jo jo figuer prate litte yn jo boek, er alle wurden pappegaait dy’t er fan jo heard hat. Mar Trinus woe net dat der tefolle autobiografy yn syn boeken kaam. Sa’t Gerard Reve libbensûnderfiningen fan himsels beskriuwt, sa woe Trinus net skriuwe. Wy hiene twa boeken fan Reve, ien hiene wy nota bene fan Reve sels krigen, en Trinus lies dy net.

Yn it begjin fan syn skriuwerskip gie Trinus derfan út dat wat er sels meimakke hie, mear wier wie as wat er optocht hie, of as wat er syn personaazjes mei optochte wurden sizze liet. Dêrom, wannear’t Trinus socht om echte reaksjes fan echte minsken – en in observator fan it libben wie er net – dan helle er by ien wat boek-eftich dramatysk út, sadat dyjinge kjel of lilk of krinkt reagearje soe. Dy reaksje skreau Trinus dan hurd op; dan hie er it út it echt. Hy fertelde my dan gewoan, sawat saaklik, dat er op dy manier by syn ferbylding kommen wie. Mar ik fûn dêr neat oan: dy earme minsken.

Al neipratend mei Jo Smit oer in gearkomste dêr’t se ris west hiene, sei Trinus eat oer in taspraak dêr. Jo andere dat er it oars seach. En Trinus frege: wat is dan ‘wier’? Jo sei dat jo wierheid net mjitte kinne. It giet om de ûnderfiningen dy’t minsken foar wier hâlde. Feitlik betinke jo jo wierheden, lykas yn fiksje. Dus in skriuwer hie ferlet fan ûnderfingen, sjen en harkjen, en ek ferbyldingskrêft.

Oan ’e iene kant, ferbyldingskrêft hie Trinus by’t soad. Hy fierde allinnich hiele teaterstikken op bûtendoar yn Loaijingea. Syn broer Sytse en buorfrou Maria van Everdingen wiene it publyk en meastal gie it oer in boer en syn feint en in boerinne dy’t alles ferkeard docht, in soarte Jan Klaassen en Katryn. Mar oan ’e oare kant, der wie wiswol in echte boer. Soms kaam dy sels te sjen wat Trinus útheefde en dan laitsje fansels. Fantasy wie foar Trinus net dingen optinke dy’t net bestean, mar besteande, deagewoane dingen in hiel goed mooglike en dochs ûnferwachte draai jaan.

Sa’t er personaazjes satirysk neispile, sa brocht er dy net, dus net as gehiel, yn syn romans. Blykber woe er gjin kaairomans mei searjes portretten. Earder foarme er komposytkarakters. Yn Fabryk is foar de haadfiguer dy’t him net hanthavenje kin yn ’e yndustriële maatskippij in bytsje ûntliend oan Trinus syn heit. Dy koe gjin waarmte ferneare, dus hy koe simmerdeis it lân net op en as der dan gjin wurk mear yn ’e skuorre te dwaan wie, stjoerde de boer him nei hûs ta.

Autobiografysk wie foar Trinus net it sjenre fan efterôf reflektearjen op it eigen libben. Jo Smit hie sein fan autobiografysk is dat de lêzer de skriuwer werkenne kin oan de toan, om’t de toan fan in romanfiguer krekt dy fan de skriuwer is. Dat bedoelde Jo leau ik hiel letterlik: toan wie it type wurden. By Trinus wie autobiografysk “eat fan mysels deryn stopje.” Yn de praktyk kaam dat del op de wurden dy’t ien sein hie verbatim oernimme, ek al keppele er wurden dy’t yn it echt fan ien persoan wiene – fan my bygelyks – net oan ien personaazje.

Hy woe in nij realisme. It folgjen fan alle deistige dingen út it libben mocht dan banaal wêze, hy tocht dat in goede skriuwer it boeiend hâlde koe. Wat goed wie bepaalde er sels. Hoe’t it boek op de lêzer oerkaam wie net wichtich. De mjitstêf wie ‘keunst’. It lestige wie, de natuer en dingen om him hinne murk er net op, byldzjende keunst rekke him net, hy seach net sekuer nei de minsken, as er echt wat witte woe fan hoe’t in minkse docht, daagde er wol in pear út en provosearre oant se op in nijsgjirrige manier reagearren en dat skreau er op, mar Trinus wie feitlik altyd oan it tinken. Dan siet er dêr en ik wist, ik hoech no neat te sizzen want hy is fier fuort. Oaren fûnen ek dat Trinus syn oanpak net hiel handich wie, in realistyske romanskriuwer dy’t altyd mar yn syn eigen holle sit. Syn redakteur frege: “Giest noch wol te fytsen mei de bern?”

Dat gie er net. Hy hie grif wer wat nijs yn ’e holle. En hy sei: “Foar mysels moat it sa, ik kin net oars.”

Mear fan Antsje Swart

Pappegaai
De hangreep fan ’ bus
Niks foar my
Wie dat no in grap?
Lammetsymet
Klokkespiler
In profetysk plak
Begrave
Feroarlikens Trinus woe, sei er noch foar’t er mei Fabryk útein sette, net yn in streaming reitsje dy’t him regels oplizze soe en syn frijheid blokkearje.
“Hoe is ’t waar?” Twa keunstners midden op ’e romte, dy prate mei-inoar. Dat liket logysk.
1 2 3