Poëzy
Jûn ha wij yn Idzegea
Jûn ha wij yn Idzegea it ljocht útswaaid
en koe mei koarting fan de hjerst
’t idee fan simmergoud begjinne –
dêr fleach de langste dei al hinne,
as hie wat komme soe al west,
in smjunt de rutsen halzen stil de nek omdraaid.
Jûn ha wij yn Idzegea de wurden heard
en kamen dichters foar it front,
itsij trochtaastend of timide,
mar elk hie weet fan oare tiden:
de taal dêr’t hurd in ein oan komt
as nachts de stjerreloft it op in snijen set.
Jûn ha wij yn Idzegea it baarnen sjoen
en spatten fonken út in koer
om nije hertstocht oan te jeien,
in byld fan winterjen te krijen
mei spuonnen om in tsjerketoer,
it each fol fjoer fersplintere yn ’t heechseizoen.
Jûn ha wij yn Idzegea de winter field
en stiene bylden op it flues:
in deastek om behâld fan uny,
de kâlde achterkant fan juny,
foar even myld troch impromptu’s
wêryn’t it strykkwartet mei ús de waarmte dielt.
18 juny
Op 18 juny 2016 organisearre de Gerben Rypma Stifting syn jierlikse Midsimmerjûn, diskear oan de Idzegeaster Poel. Twa dagen earder waard yn Birstall de Ingelse politika Jo Cox fermoarde fanwege har pro-Europa stânpunt. It wie yn deselde tiid dat Miek Smilde har poëzydebút De achterkant van juni (Amsterdam 2016) publisearre.
En doe it siikmeitsjend Frysk
Mei krekt it senuwûndersyk út it systeem
Ik woe de deis nei Grins wer sûnder kop
en starte moarns – it wie in oer of seis –
mei sjek en kofje de computer op,
it gleone skriuwersswit al yn ’e poarjen,
doe’t ik berjochten krige fan It Nijs:
‘It frouljusbrein is altyd oan ’t feroarjen’.
In pûn gehak lei griizjend op it skerm,
mei djip-sintraal in foarse rûp yn blau:
de Hippocampus, sei it pylkje ferm –
al wie de c hurd yn in k feroare
en gie grof Frysk mei alles oan ’e sjou
wat ik Latyns foar myldens oansjen doarde.
Wij hiene Utert, Dimter hân en Swol,
de plakken dêr’t de hûdútslach yn krûpt
en net in kop begroeven wurde wol
omdat de nammen wize op de krupsje
dy’t elkenien al troch de holle slûpt –
Nimwegen as in lêste rekonstruksje.
‘Nimweechske ûndersiken’ leine bleat
‘dat froulju slimme stimmingswiksels ha’.
Se sizze oer de man syn stimming neat,
kotsmislik fan sa’n kropfol predikingen.
(Oait woe de pil fan Trinus Riemersma:
spiel gau de mûle en sis ‘wikselingen’.)
19 oktober
Tr. Riemersma yn De Reade Bwarre (Bólsvet 1992): ‘Echt krûmpraat is de meartols-s nai vudden óp ‘-ing’, lykos ‘fergaderings, ferhôrings’ – en dot heart mun don ek noch gaurus krekt fon lju dyt flyt óp har Friesk dógge.’ (s. 192)
Animal farm ‘Franciscus’
fiif bekentenissen, út it skaad fan Rousseau
1
Ik bin net de grutste draver,
net de grutste draver fan ’e stâl,
ik kin bytiden mâl, ferbyt my om ’e rip,
mar gjin hynder dreamt sa fier as ik.
2
Ik bin net de wreedste snuver,
net de wreedste snuver fan ’e pleats,
ik sykje om wat reads, it fel ûnder berik,
mar gjin bolle dekt sa sacht as ik.
3
Ik bin net de lûdste ropper,
net de lûdste ropper fan it hok,
ik ken de iere klok fan no it eagenblik,
mar gjin hoanne kraait sa let as ik.
4
Ik bin net de liepste fanger,
net de liepste fanger fan it hûs,
ik fiel de lytse mûs wol oan myn rikketik,
mar gjin boarre spint sa myld as ik.
5
Ik bin net de falste blaffer,
net de falste blaffer fan it hiem,
ik ha op biten stien, wat tusken noas en lip,
mar gjin herder hoedet sa as ik.
4 oktober
De foarm is ûntliend oan in útspraak fan Dolf Verroen yn Trouw fan 1 oktober 2016: ‘Ik ben niet de beste schrijver, maar niemand schrijft zoals ik.’
Ik bou no’t alles falt
rigels bij de 27e stjerdei fan ús heit
Ik bou no’t alles falt in kantich hûs foar jo
(jo binne al sa fier, ik sis net langer ‘do’) –
in taaltrochkrûpte went op âlde fûneminten
as ritme, rym en klank, wa wit enzjambeminten,
al hiene jo dy foar de wierheid leger,
it frije fers oan jo gjin tel bestege.
Ik bou no’t alles falt in kantich hûs foar jo.
’t Is inkeld net jo wurd
dat wankelt nei’t ik leau,
mar alles wat syn fal
teweibringt yn ’t ferskowen
fan wissichheden oait,
no bang foar domino-
en skrikeffekten,
it kanteljen,
it brekken,
it jimmeroan
tegruzelzjen
fan fêste rotsen
as Gods huzen
ik bou
no’t
alles
falt
in
kaartehûs
foar
jo
16 maaie
Hjoed wint it tinken
hjoed keapet wilders in multyfokale bril
hjoed is de dei dat er grutte eagen opsette sil
hjoed is in bliuwende fiergeande fokus op til
hjoed ferlit de matroas syn sleatsje kikkerdril
hjoed wol baudet in krookje op it rjochterbil
hjoed is it wurdboek in minder dikke pil
skrast wurde: baksil, moadegril en overkill
hjoed is de ynfloed fan kweade tongen nihil
hjoed komt oerein de minske fan goede wil
hjoed hâldt de steksjogge snút him ien dei stil
hjoed wint it tinken mei in noaslingte ferskil
1 april
Dizze gedichten fan Eppie Dam binne út de bondel De aap foar de bokkewein. Wat noch te rymjen yn 2016, dy’t yn 2017 by de Afûk yn Ljouwert ferskine sil.
Mear fan Eppie Dam
De ingel Gabrielle en oersettingen fan Joni Mitchell |
Autopetsjend jonkje en Op it wettersportfestival |
Eucalyptus |
Selsportret neffens in foto en Bloeiende eucalyptus bij de hjerst |
Hommaazje oan it lansearplak en De fiskers op South Head |
Wurkgelegenheid foar de klasseleaze kastes en De takomst |
De pûltsjepreek |
De wandied en In dagewoane reinbôge |
Troch de houtseagersdoarpen |
Houthakker yn ’e middei Oersetting fan Noonday Axeman fan Les Murray |