Oer ús

of, Hoe skriuwe jo in tydskriftprofyl foar in literêre keunstblêd

Kies in konversasjonele toan (net te plat)

  • De lêzer wol net ûnder in kamera foar in kûgelfrije glêzen doar stean, dy’t nei’t er ynsprutsen hat yn de ynterkom noch efkes ticht bliuwt en dan ynienen moardsuchtich iepen spriedt. Nee, de lêzer wol gewoan troch in iepen doar it tydskrift yn rinne kinne en farske kofje rûke en lûden opfange fan boartsjende bern en in âlderwetske typmasine.
  • It gie sa. Op sneontemiddei 22 novimber 2014 sieten wy yn teaterkafee De Smoeshaan yn Amsterdam—wilens yn Fryslân sjuttele de striid tsjin de nije stavering as Napoleon by Beresina—en wy misten in moai Frysk literêr tydskrift. Jo begripe dat wol. In kroech is typysk in plak dêr’t men fan alles misse kin en wêr’t dan de ideeën ûntsteane. Sa misten, yn in kroech yn Londen, Marx en Engels in klasseleaze maatskippij en skreaune har kommunistysk manifest.
  • Dat hat oars net folle brocht, sille jo no sizze. Dat soe kinne, mar sis no sels, heechsteande literatuer wie dat manifest ek net. En dêr komme jo foar: foar literatuer. Dêrom ha wy Fers2 opstart.

Fertel oer it business plan en de misje (net te langtrieddich)

  • Fers2 bringt sân kear jiers in nûmer út (fan 2015 oant 2019 om ’e fjirtjin dagen) op it ynternet, út as Fers2.eu, mei urginte stikken tuskentroch. Fers2 hat gjin paywall: alle stikken binne frij tagonklik. Fers2 is in platfoarm foar Frysktalige en dichters fan oeral oer de wrâld skriuwers. Wy jouwe publisiteitskânsen oan begjinnende skriuwers, neist fêstige auteurs.
  • Fers2 rjochtet him op de artistike Fryske literatuer en bringt in breed ferskaat oan literêre sjenres. Dêrneist beljochtet Fers2 de Fryske en ynternasjonale ûntjouwingen yn de literatuer. Ek ûndersiket Fers2 fan wikseljende perspektiven út de sosjale en politike kontekst dêr’t de tekst syn oarsprong yn fynt.
  • Fers2 is in folslein nonprofit projekt. Fers2 wurdt net stipe mei publike jilden. Stipe fan private donateurs is dêrom mear as wolkom. It redaksjewurk en alle bydragen fan de meidoggers binne pro deo. (Want inkeld yn ’e corporate free zone, dêr’t neat te heljen falt út it behaagjen fan it publyk, fynt men it hynder op skerp.)

Foegje persoanlike details ta (net te pikant)

  • Men sjocht se op hast alle ‘Oer ús’-siden, mar de trochsneedlêzer wol hielendal gjin portretfoto’s fan de redaksjeleden en de meidoggers. De lêzer googlet leaver sels; de lêzer wol sinfollere saken oer ús witte. Lykas dit:
  • Friduwih is lilk om it mandewurd dat lilkens de keunst ôfbrekt. Just net! Lilkens om it populistysk, likegoed as rjochtsliberaal leechlizzen fan de keunst, om it lykstellen fan keunst mei folkloare, mienskipsmiddeitsjes, ekonomysk-efterbleaune regio-oanboazers en kaartsjeferkeap, en hokfoar oare lilkens ek, is in rike boarne foar keunst.
  • Abe hat in dream oer de dei dat Fryslân dea giet. De hiele wrâld stiet ferslein om it deadsbêd hinne. Douwe Kalma, dy’t tusken alle affêres mei de wrâld troch ek in skimige românse mei Fryslân hân hat, betinkt hastich foar Fryslân in deadsbêdbycht yn sonnetfoarm. Mar … ferfeling makket minsken wekker út har dream.

Profyl

Fers2 is in Frysktalich tydskrift dat literêre fiksje, literatuer­krityk, boekbesprekken, literêre fraachpretaren, kulturele kommentaren, essays en poëzy bringt. Fers2 begûn yn 2015 as ûnôfhinklik, net-oerheidsstipe online tydskrift. It ferskynde om de fjirtjin dagen en fan 2020 ôf om de seis wiken. Fers2 wurdt tige wurdearre, benammen om syn omtinken foar syn moderne literatuer, aktuele ûnderwerpen, kommentaren op de popkultuer en skerpe resinsjes en om syn sjoernalistyk op it mêd fan polityk en maatskippij en de eigensinnige yllustraasjes oer alle siden hinne.

Fers2 is in reklame-frij tydskrift. Skriuwe wy yn opdracht fan in útjouwer, dan stiet derby fan ‘sponsored content’. Fers2 docht inkeld mei oan nonprofit pro­jekten en tsjinnet gjin kommer­sjele of promosjonele saken.

Fers2 is antynasjonalistysk en ferset him aktyf tsjin (populis­tysk) polarisearjen, (kapitalis­tyske) oarlochsretoryk, etnyske haat, antysemitisme, rassisme, misogyny en ksenofoby. Hjir fine jo ús gender­gelykheids­statement.

Skriuw foar ús!

Stjoer jo wurk nei ynfo@fers2.eu
Handige ynfo foar’t jo foar ús skriuwe of jo stikken nei ús opstjoere, fine jo hjir.

Kolofon

De redaksje bestiet út

It redaksjeadres is:
adres Riemersma
Boomstraat 32D
1015 LC Amsterdam

Fers2 wurdt sûnt oktober 2016 útjûn troch Grotesk (KfK. 66810531). Begruttingen en jierrekkens fan Fers2 binne opnommen yn it jierferslach fan Grotesk dat fan 2018 ôf publisearre wurdt.

Gearstalling & besoarging: Abe de Vries en Friduwih Riemersma

Web design & development: Friduwih Riemersma