Oersettingen
Ferfrysking fan Joseph Brodsky, út: Strohalmen voor de lezer (2015)
➰➰
Hjerstjûn yn dizze lytse trochsneestêe,
dy’t likegoed de lânkaart wist te heljen
(de topograaf begûn ’t miskien te meallen
óf gie mei ’t boargemasterswiif op bêd).
Wurch fan syn eigen kaprioalen kin
de Romte him hjir fan syn lêst befrije
no’t ‘grut’ in slim beskieden skaal oannimt;
sa skraal is Main Street, altyd sljocht en mijen.
De Tiid, gjin waarme tried mear oan him, sjocht
de klok boppe in warehûs, mei binnen
al wat it minsdom fuortbrocht hat oan guod:
fan teleskoop oant ruft en tafellinnen.
Se ha in bioskoop hjir en in pear
saloons – gjin plak om al te lang te bliuwen,
in stiennen bankgebou mei swarte earn,
in tsjerke dy’t gjin skiednis wist te skriuwen
en grif al yn ’t ferjitboek rekke wie,
wie ’t âlde postkantoar dernjonken slope.
En kaam gjin frucht wer út ’e leafdesdie,
dan soe de dûmny hjir wol auto’s dope.
Sprinkhoannen brekke troch de stiltemist.
Seis oere jûns komt ’t libben hjir oan kant,
as foel in kearnbom del. Allinnich bist.
De moanne skriuwt in sirkelfoarm yn ’t ramt
dat finster hjit – ’t is troch en troch bekend.
En is in Buick sa goed hjir lâns te riden,
dan inkeld om it oarlochsmonumint
mei koplampljocht befrijend sicht te bieden.
Hjir dreamsto fan in brief oan dyn adres,
en net fan froulju, mei of sûnder klean.
Bedoarne molke, fûn op dyn bordes,
fertelt de buert dyn dei fan hinnegean.
Do kinst hjir as in kluzener bestean,
broom nimme, tiid ferjitte, fegetearje,
dy yn ’e spegel, as in strjitlantearn
yn opdrûgjende plassen, ynspektearje.
1972
Nederlânske oersetting: Peter Zeeman
Rotterdams deiboek
I
It reint. ’t is woansdei. Skiere strjitlantearns.
It reint. ’t is woansdei. Skiere strjitlantearns.
Oeral paraplu’s en opsette kragen.
Se bombardearren de stêd fjouwer dagen,
en sa hold Rotterdam op fan bestean.
Nee, stêden skûlje net wannear’t it eazet –
it bin gjin minsken. As der in bui falt
dan bliuwe strjitten reedlik, huzen kalm,
en sykje net om wraak dy’t wer ferneaticht.
II
In waarme julydei. Der lekt in waffel
iis op in liif. In bernestimmekoar.
Moderne flats, kantoar lûkt nei kantoar.
Le Corbusier dielt dít mei de Luftwaffe:
se hawwe beide fanatyk besocht
om ta in oar Europabyld te kommen.
Wat de syklopen yn har drift fersommen
waard op in tekentafel koel folbrocht.
III
Tiid hielet, mar hoe heilsum ek dy kracht,
in skonkstomp kin fan middel doel net skiede,
sil troch in panasee noch slimmer bliede,
en jokket. Tritich jier nei dato. Nacht.
We drinke wyn en prate, redendiele
yn in gebou dat nei de stjerren rikt
op itselde nivo as oait berikt
troch har dy’t hjir destiids de loft yn giene.
Rotterdam, july 1973
Nederlânske oersetting: Peter Zeeman
In Mich
foar Alfred en Irene Brendel
I
Tewylsto songst, is al de hjerst oanbrutsen.
In spoen hat de kachel oanstutsen.
Tewylsto songst en fleachst en snuorrest,
luts kjeld syn spoaren.
En stadich krûpsto no oer it fersmoarge
gasfornús, mei eagen dy’t net sjen doarre
nei wêrsto weikaamst yn april.
No sitsto stil,
as stûke dyn beweech. Dij deaslaan dus
is net de muoite. Mar, as in histoarikus
dy’t lijen moaier fynt as dea of libben,
wol ik it litte.
II
Tewylsto songst en fleachst, ferlearen beammen
har blêd. En wetter foel yn streamen
om út in plasse iiskâld him te warjen
mei himelstoarjen.
Do sjochst no blykber minder goed. It feit
dat dyn minime harsens fierhinne fuortfeid
binne ûnder dyn bestrjitte netflues,
dat hat wat fan in blues –
it lit my huverje. Mar och, wa wit
dat dij de mjitske lucht hjir skikt
en ek it griene rolgerdyn foldocht.
It libben sleept ’m fuort.
III
Och strobke, do bist al dyn fluggens kwyt
en sjochst der as in âlde Junkers út,
in tsjuster filmbyld, ûnfersnien,
út tiden lang fergien.
Wiesto it soms dy’t destiids elke jûn
de gonzelpaden nei myn widze fûn,
kjel fan de bondels ljocht miskyn
yn ’t swarte raamkezyn?
Mar no’t myn gielwurden fingerneil hjoed
dyn teare búkje sa bespylje koe,
wurdsto benaud noch opsternaat,
myn lytse kameraad.
IV
Tewylsto songst, waard ’t bûten almar skierder
en liet focht de doarren bij de skarnieren
hast splite. Fuotten fiele kâld.
Dit hûs is âld.
Mar dochs silsto op ’t oanrjocht net beswike
foar de steapel ôfwask fan wiken,
noch foar in kreamfol sûkerguod
sa swiet as wat.
Do bist dêr net foar yn ’e stimming,
fielst dy te grut foar sokke ûnsin;
oan dat soart flauwekul dochsto net mei.
Jildt trouwens ek foar mij.
V
Dyn wjukjes en poatsjes, hoe âlderwetsich!
Se lykje wol in miks fan âldebeppe
har wale en, yn dizich floers,
de Eiffeltoer –
koartsein, de XIXe ieuw. Mar wat docht bliken?
Troch dij mei dit of dat te fergelykjen
meitsje ’k fan dyn net te kearen delgong
in ding dat sjongt:
myn tûke pin befoardert dij beslist
ta in idee dat stoflikheden mist,
ta in foartidich net-bestean. Ik wit
dat dêr wat wreeds yn sit.
VI
Wêr dreamsto fan? Fan dyn banale,
sa dreech te folgjen omloopbanen?
Fan dy oanfallige ‘seis-poate-letter’,
wêroan’t de kast fan setters
mei ’t each op dij behoarlik ryk is,
as dyn unike echo yn ’t syrillys?
It teken datsto oait yn boeken seachst
doesto noch fleachst.
Mar no’t it minder wurdt mei ’t sicht,
no hâldst de eagen ticht en litst
de krollen oer oan libjende brunettes,
har afro’s as suggestje.
VII
Tewylsto songst en omfleachst, rûkten
de fûgels it suden. De fisken dûkten
al djipper wei. En skraler hie de wyn net kind.
Op ’t lân begjint
de koal, hast mei syn winterklean yn striid,
te kreakjen. En de wekker tiktakt as in tiid-
bom, ergens dêrst ’m amper sjochst:
tink net dat er ûntploft.
Mar fierder gjin inkeld geroft.
De dakken keatse ien foar ien it ljocht
werom nei grize wolken. Gers behurdet.
Om somber fan te wurden.
VIII
Inkeld wij twaen no, baksilledragers.
Mikroben, mar ek wurden, frazes
besmette alle libbensfoarmen.
Inkeld wij twaen:
dyn lyfke dat bang is om dea te gean,
myn likernôch hûndert kilogram, skjin
oan ’e heak, yn ’e rol fan netsjese lânman.
Plus hjersttafrielen dan.
It liket foar altyd dien mei dyn gonzjen!
De tiid sjocht der lykwols gjin bonken
yn om him oan ús te weagjen. Wês bliid
dat er net tsjin ús striidt
IX
en fierder absolút net sinnich is.
Dat it him woarst is watfoar kitsch
him foarset wurdt yn ’e gedaante
fan allerhande
útskot, yn hokker foarm dan ek. De tiid
sit dêr net mei, dy ken gjin ûnderskied.
Ofsto no fleanst of net, jong bist of âld,
him lit it kâld.
Ek oarsaak en gefolch gean neffens syn natuer
bij ’m lâns, lit stean as se yn miniatuer
gestalte krije. It is as foar fingers
op wikseljild de sifers.
X
Tewylsto foar my weidoekst, omheech skeatst
nei in spant of ûnder in lampe rûntsjes fleachst,
de flikkerpit op heale sterkte,
liet tiid neat merke
as tiid. Mar troch de sleauwens dy’t dij trof,
troch dyn passiviteit bisto op stof
begûn te lykjen, sa griis. Tink no net,
do sneu portret,
dat hij – de tiid – myn bûnsgenoat
is. Nee, ferjit it mar: ik diel dyn lot:
ik bin dyn selgenoat, dyn neiste freon.
Tiid hat ús opskreaun.
XI
’t Is bûten hjerst. In rottiid foar de keale
kornelletûken. (As mei de Mongoalen:
de boask fan it knûstige, grize ras en
de giele massa,
of leaver, it gefrij.) We bin ûnwennich,
mar wa kin dat wat skille. Bin ferstienne –
dyn firus koe wol yn my sitte.
Do moast ris witte
hoe ûnwierskynlik hurd ast mei dy letargy
besmet rekkest, dy apaty,
dy oanstriid om wat de planeet úthelle
lyk werom te beteljen.
XII
Stjer net! Ferset dy! Krûp, doch wat!
In nuttich bestean is sa ferfeelsum as wat,
en foaral foar dysels mist it glâns.
Wier, it is gâns
oprjochter en smyt datums en kalinders
mei ’n simpel ‘der wêze’ trochinoarhinne,
oaren sjen littend dat – krekt as dines –
libben synonym is
oan net-wêzen en brekke-mei-de-rigels.
Wiesto no jong, ik seach op nei de himel,
de sfear dêr’t dat allegear is. Mar do
bist âld, der tichtbij no.
XIII
Wij twaen dus, do dêr, ik hjir oan tafel.
It reinwetter test de ruten mei syn snavel,
de skimer arseart ús net mear as nedich.
Do sitst dêr ûnbeweechlik.
Wij twaen dus. Wannearsto aanst ferstjerst
ha ik yn elk gefal getuge west
fan dit feit – wat in echo wêze sil
fan dyn folsleine spul
oan dryste loopings, sirkels, lussen.
Bestiet de kâns op eachgetugenissen,
wedzje dat de dea in skerper punt set
as yn in tête-a-tête.
XIV
Ik hoop datst gjin pine hast. Pine, witste,
nimt romte yn beslach en soe dus inkeld
fia omwegen of fan achteren besykje
de oanfal te iepenjen.
Dat soe myn hân wêze kinne. Mar dy
is dwaande mei pin en inket, mei poëzy.
Baksilledraachster, gean net dea, ast tinkst
datst it ferneare kinst!
Tink dwers tsjin alles yn net oan ’e ein!
Ferjit de tastân fan dyn brein.
In ding dat net om lyk wol is, fyn ik,
krekt as in eagenblik,
XV
al ivich moai. Sa’n ding fertsjinnet –
hear wat ik sis – in opnij begjinnend
applaus, hat rjocht op prolongaasje.
Angst is frustraasje,
in tabel fan bidden en smeekjen
troch kwinend fleis om ekstra te besteegjen
sekonden. Ik bin, leaf snuorsterke, ree
om anyway
in pear fan mij oan dij te jaan. En dochs,
sa’n golle geste is eins omdoch:
Shiva, do fielst dy swak, dyn seissylinder
wurdt stiloan minder.
XVI
Yn myn ûnthâld, yn syn gewelven fier fuort,
djip yn ’e kelders tusken kostber guod –
fergetten, opbrûkt (alle keamerhearen
ha har oan it op wearde
skatten fan dat fortún fertild) –
en tusken alle wikseljild
fan it bestean op dizze wrâld, besleat
dyn heale namgenoat,
bij elkenien te boek as Muze,
in hoekje yn te rjochtsjen. Fandêr, Musca
domestica, dit wiidútspûn ûnthaal
op letters, wurden, taal.
XVII
’t Is somber bûten. It orgaan foar wriuwing
lâns wat der stiet yn myn omjouwing –
myn eagen – fiksearret him op ’t behang.
Do kinst ’t patroan derfan
helaas net nei de wolken fiere
om frêle serafinen fariaasje te bieden
mei in idee dat oars net foarmet
as kleare oarder,
herhelling, ritme, wat har sûnder mis
neat docht of seit, bewoartle as it is
yn wanhoop, en dy wolk ynsekten
ken net dy gekte.
XVIII
En wêr giet dit op ta? De miggehimel?
In ymkerij mei drok gewimel?
In skuorre, dêr’t boppe de abrikoazesjem
in lome swerm
foargongsters sweeft mei itselde gelûd
as dat yn ’t lette neijier rûst
op provinsjaal plaveisel? Mar sa gau’t
de doar fan hout
dêr iepenswaait, fleant hiel dit bleke folk
de ierde oer, dy’t dêrtroch yn in wite wolk
bewuolle wurdt, in winterkleed.
Dy flokkesee
XIX
aksintueart – tank sij it skitterjen –
dat sielen dus oer stof beskikke en
yn elk lânskip oer in bestimming,
dat sels in swart ding,
al hat it omstipt yn ’t foarige,
bij einbeslút fan tint feroaret.
Dat sielen folken yn tal fier
te boppe gean. Dat kleur
tiid is, of oars it ferlet om dy yn te heljen,
dêrmei Herodotus herheljend
yn ’t en profil as wol yn it en face
fan dak, heuvel, gewaaks.
XX
Sil ik dij, foar har bleke wervelwyn
tebekskriljend, wol herkenne yn
dat wjukkeleger fan dyn lotgenoaten?
En soargesto, de poaten
nei bûten, datst op myn plasse delkomst,
net liker as woest leafst werom
nei ’t seachsel dêr’t ús ratio yn sit?
No ja, wa wit.
Mar omdatsto as lêste deagien bist,
slútsto de swerm. As it sa is
dat hja dy yn har rûnte akseptearje –
ferdiskontearje
XXI
dêrbij it ritige klimaat fan hjir –
dan is der kâns dat ik dy yn ’e maitiid wer
weromsjoch, asto troch de loften brûst
op wei nei hûs.
Ik sil it fierder net de measte oandacht jaan.
In meteoar, tink ik dan, in stjer út syn baan,
wylst ik troch de drek stap, en dêr
sil it bij bliuwe. Mar gjin stjer
sil it wêze of wat dêr foar trochgong,
it is dyn siel, in larve sykjend yn ’e dong
om sa te kommen ta in grandioaze
metamorfoaze.
1985
Nederlânske oersetting: Peter Zeeman
Flinter
Kin ik beweare: do bist dea?
Do libbest mar in dei. Gâns drôvens skûlet achternei
yn ’t plan dêr’t God oait ta besleat.
Want wat betsjut dat, ‘libbest’?
De datum fan dyn berte
en dy fan ’t net te fetsjen
momint datsto sa goed as dea bist,
hjir kwinend yn myn hân,
bin ien. It is in feit:
dyn tiid waard dalik ivichheid –
ien dei, doe hiest it hân.
II
En dan, wat hâlde dagen yn?
Se bin net fêst te pinnen,
gjin iten foar de sinnen,
ûngrypber, kleare skyn.
In wite achtergrûn
hâldt se ûnsichtber,
’t mankeart se oan in lichem
it hiele klokje rûn.
Ik bin net blyn:
se lykje dij wol, flinter.
Hoewol, do waachst noch minder,
frêl en reachfyn.
III
Beweare datsto hielendal
net bist? Mar wat is dan
’t fluwiel hjir yn myn hân?
Dit skilderich ferhaal
hat toch in oarsprong hân.
Wa sette al dy kleuren op?
En wa hat se betocht?
’k Ferkear net yn ’e waan
dat sa’n palet ek troch myn kop,
dy’t wol yn wurden tinkt
mar selden yn pigmint,
dit byld oprôp.
IV
Dyn wjukkepear – in print,
in doek mei eachjes,
pupillen, wimpers, bôchjes.
Do bist fragmint
fan in gesicht; mar o
fan wa, fleanend portret?
Hokker faset,
watfoar detail toansto
as nature morte?
Is it fan beien,
in fjildboeket, of meitsje
fisken ’t dekôr?
V
Wa wit bisto in lânskip
wêryn’t ik mei in loep
in strân ûntdek, in groep
najaden of in sânklip.
Is it dêr nacht
of skynt de sinne?
Fertel my wat dit binne,
hast strielend op dyn facht:
de moanne? in planeet miskien?
Wat sizze dy kontoeren?
Ja, wat hat der tefoaren
model foar stien?
VI
Ik tink datsto it iene
mar ek it oare bist –
ik sjoch yn dij: gesicht,
in himel, stjerren, stiennen.
Wa wie dy juwelier
dy’t it bestie
om sa op floeipapier
yn miniatuer
dy skynwrâld oan te bringen
dy’t ús betizet, en ferskoot,
dêr’t wij de dingen binne, do
’t idee fan dingen.
VII
Wêrom sa’n fraai patroan
om dij mei út te rissen
foar sa’n fragmintsje libben
yn wat ik neam myn lân,
mei marren dy’t yn amalgaam
de romte romte biede?
Sa’n amerij op ierde
hat elke kâns ûntnaam
om yn in net te reitsjen
en mei dyn pracht
yn ûnneifolgbre jacht
’t each te fermeitsjen.
VIII
Do anderst mei gjin wurd,
net út bedêstens
en likemin út dwersens
om in ding dat dy steurt,
ek net omdat it no gebeurd
is. Oait krige elk libben
skepsel, ’t sij hippend
of swevend, lyts of grut,
in stim dêr’t it mei sprekke mei,
prate, sjonge of brimme,
om sa it libben te ferlingen,
in tel, in dei.
IX
Do moatst it yn dit ramt
sels sûnder dwaan.
Mar ’t missen fan it spraakorgaan
hat ek in goeie kant:
sa witst datst bij de himel
net yn ’t kryt stiest,
noch op in list.
Wês bliid datsto dy inkel
yn stommens hearre lietst;
gelûd betsjut ek laster.
Do bist abstrakter,
stiller as tiid.
X
Te koart op ierde
om eangst te fielen of
belibjen, dwerrelsto as stof
boppe in miede,
in byld fan Ikarus,
yn ’t no ferdwinend,
los fan ferline
en takomst. En sa dus
krijt, as dyn blauwe tocht
dij fiert nei ’t griene,
sels foarm de wide
en lege loft.
XI
Sa giet in pin syn gong
op glêd papier,
glydt deastil troch en wier
gjin grevel snappend fan
it fers om foarm te jaan,
dy miks fan klettergoud
en wiisheid; hij fertrout
lykwols de skriuwershân
dy’t wurden riuwt út goederbêst,
fan blom of ier
gjin stof ôfnimmend, mar sekuer
fan skouders al in lêst.
XII
Sa’n skientme noait te finen
yn ien wurd neamd
mei ’n ultrakoart bestean
is net te rymjen.
Sa sjochsto hjir
dat oan wat skepen is yndie
de sin ûntbrekt. Bestie
dy al, dan wie it klear
dat it de mins net is.
Wat ek dyn kenner pielt,
in net fangt sinnestriel
noch tsjusternis.
XIII
Fertsjinnesto dan in farwol
dat amperoan in etmiel hâldt?
De minske hat in min ûnthâld;
dy frjemde swolm
fan de ferjittelheid
skynt meastal har te treffen
dy’t doetiid net mear rekket:
de frijerstiid foarbij,
de plicht, de leafdessplinters,
it sliepen yn ’e war –
no allinnich noch mar
in macht oan flinters!
XIV
Ja, do bist better as it Neat,
neieroan en fertrouder,
mear sichtber. Toch bisto der
wannear’t it derom giet
besibbe oan. Dyn flechten
jouwe ’t matearje.
Dêrom, sa gausto fleanste
en brekste út ’e hechten
fan ’e dei, bisto op myn wei
in soarte fan begrinzing,
in luchtige ôffreding
tusken it Neat en mij.
1972
Nederlânske oersetting: Peter Zeeman
Foar in tiran
Hij kaam hjir faak: noch net yn rydbroek nee,
mar yn in leaden jas, wat noartsk en krommich.
Mar doe hat hij troch klanten fan ’t kafee
te arrestearjen de kultuer opromme.
En dêrmei naam er wraak (nee, net op har
mar op de Tiid) foar jildgebrek, ferfeling,
de sloppe kofje, it misledigjen,
en alle min betearde spultsjes kaart.
En och, de Tiid hat dizze wraak ferdoud.
’t Is hjir no drok, men geit en platen klinke.
En dochs is der wat mis, ’t is net fertroud,
sjochst om dy hinne as moatst derom tinke.
Gâns nikkel, plestik – gjin inkel nivo,
mei sop dat noch nei ’t skûtelwetter smakket.
Foar slutingstiid wipt hij, nei it teater,
noch wolris oan mar dan incognito.
Bij syn entree giet iderien gau stean,
in pear út plicht, de grutste helt fan blydskip.
Ien hânsinjaal folstiet foar ’t hiele selskip
om like noflik wer syn gong te gean.
Hij drinkt syn kofje (better as foarhinne)
en nimt dêrnei sa’n hearlik broadsje tsiis!
De deaden soen’ der like fier mei rinne,
wie elk ynienen út it grêf ferriisd.
jannewaris 1972
Nederlânske oersetting: Peter Zeeman
It jier 1972
foar Viktor Golysjev
Gjin fÛgel wit myn iepen finster noch te finen.
In frommes akselt tsjin en is op slach frigide.
Wannear’t ik útglyd oer bananeskilen,
fal ik net langer. Wat is hjir dan yn ’t geding?
Dat wriuwing tanimt wurdt de snelheid minder.
Myn hert is krekt in iikhoarn, sa ferspringt it
yn myn ribbekast. Myn kiel sjongt oer de winter,
wat al genôch bewiis is fan ferâldering.
Alder wurde! Mankemint, ûntfang myn groet!
It al mar trager streamen fan it bloed.
Myn oait atletys lichem docht my hjoed
sear oan ’e eagen. It fyfde gebiet
fan myn gefoelens rêd ik yn ’t foar mei watten
as ik de skuon útdoch. Elke man yn ’t swart en
rinnend mei in skep spilet my parten,
wylst ik se earder sa passearje liet.
Sa giet it! It lichem bliedt foar syn hertstochten.
It hat fergees beskriemd, en gniisd, en songen.
It ferfal yn ’t kakemint kin maklik opbokse
tsjin in Grykse of Romeinse ruïne.
Ik blaas, as karkas en stjonkend út ’e azem,
de spegel dof. Fan deagean is noch gjin sprake,
mar hja dy’t dy aanst út ’e hûs wei drage
witte ’t paad nei dyn foardoar al te finen.
Dach jeugdich folkje, mij oant no ta ûnbekend!
De tiid hat, gûnzjend as in fûl ynsekt,
dan lang om let it begearde yngrediïnt
ûnder myn hurde harsenplasse fûn.
It tinken wurdt in gaos, ’t is in ravaazje
yn myn kop. As in jonkfrou yn in toer mei traaljes
speur ik mei al myn sinnen de kâlde azem
fan nacht, slikje myn wûnen as in hûn.
Om ’t benaud fan te krijen, earlik sein.
Sels wannear’t alle tsjillen fan de trein
ûnder dy trochdinderje, stiet it sein
fan de flecht fan dyn fantasy net op read.
Krekt as de ferstruide blik fan in al te wize
studint, dy’t gjin bril fan in beha ûnderskiede
kin, is pine koartsichtich, en dizich
as de kontoeren fan Azië is de dea.
Alles wat ik yn ’t bestean ferlieze koe, gie
totaal ferlern. Oan ’e oare kant ha ik yndie
hast alles berikt wat foar my weilein wie.
Sels in koekoekrop oer nachtlike fjilden
boeit my amper – oft it libben no belastere
wurdt troch dat gesang of krekt bekrachtige,
âlder wurde is it folslein bemasterjen
fan in gehoar dat fertocht is op stilte.
Alder wurde! Ja it lichem is stjerlik,
wurdt libbenleazer, toant him bederflik.
Dat makket it uterlik hast ûnwerklik.
Myn koperen foarfront glânzet net mear.
De eachholten bin middeis swarte gatten.
De spieren jouwe belies, wurde slopper.
Dochs sykje ik net de strop: it wie spotten,
soe ik yngripe yn ’t wurk fan de Hear.
’t Sil oars mear in kwestje wêze fan leffens.
Fan eangst. Fan de technise kompleksens
fan ’e die. De griis dysels as lyk oan te treffen:
elk ferfal set út ein mei de wil om te stean,
dêr’t in minimum oan hâld de basis fan is.
Dat is wat ik noch fan de beukertiid wit.
Ach, leave freonen, ferdwyn út it sicht!
Lit my it iepen fjild yn gean!
Ik wie as de rest, libbe en die itselde.
Ha mei boeketsjes my yn festibules melden.
Ik ha dronken. Krekt dien as hie gekte my helle.
Naam wat my jûn waard. Myn siel hat net taald
nei wat him net eigen wie. Fûn grûn en daam,
konstruearde in hefbeam. En út ’e mûle kaam
in lûd dat de foarm fan it selskip oannaam.
Mar wat noch te sizzen as it doek falt?!
Harkje, bruorren, freonen, opponinten!
Al wat ik dien ha, die ik net om wille
fan rom yn dit tiidrek fan film en
radio, mar om it (literêre) idee.
En om dat fanatisme (‘Genês dysels,
dokter!’ sa as dat hyt) waard myn tsjelk
op it feest fan it heitelân ôfbesteld,
ferkear ik no op in wyldfrjemd stee.
’t Is wynderich, wiet en tsjuster. Midnacht
smyt blêden en sels tûken op it dak.
Ien wissichheid stiet wol yn stien úthakt:
hjir sil ik deagean, mei of sûnder frou,
tosken, hier, suffiksen, tiidwurden missend,
mei myn pet sâlt oseaanwetter bedjipjend,
inkeld om him krimpe te litten,
haffeljend op fisk, ek al is er rau.
Alder wurde! Faze fan sukses. Fan (h)erkenning
fan de wierheid. Syn oare kant. Fan ferbanning.
Fan pine. Dêr’t ik neat mei kin (gewenning
spilet dêr in rol). Bin ik dermei oan,
ik raas it út: ’t is dom gefoelens op te kropjen.
Foareast hoecht it allegear net te stopjen.
Mocht yn mij noch wat op gong komme wolle
dan is ’t heechút it bloed, net it ferstân.
Dit liet is gjin skreau fan fertwiveling.
It is it gefolch fan ferwyldering.
It is de earste gjalp fan stilte yn
it kwadraat, en ik sjoch syn keninkryk
as it totaal fan de klanken en wurden
út in strôt, oait fochtich, mar no bestjurre
ta dea materiaal, natuerlik behurde.
Da’s mar better ek. Alteast yn myn optyk.
Dat ûnderstreket myn sizzen dus krekt:
ik sjoch hoe’t in lichem yn in objekt,
yn in ding feroaret! Deromhinne rest
de leechte, hoe helder at dy ek ferljochte is.
Da’s mar better ek. Ommers, eangstgefoelens
bin objekten net eigen. Sa bliuwt in poeltsje
neist in lyts objekt foar it each ferskûle,
sels al hat sa’n objekt de dea yn ’t sicht.
Krekt as Theseus, dy’t út Minos’ hoal wei
foar ’t ljocht kaam, sjoch ik gjin hoarizonwei,
mar in minteken achter in suver foarbij
libben. Skerper as syn swurd is it snijen,
en dêrmei is it bêste part no ôfkapt.
Sa wurdt drank fan in nochteren man ôfpakt
en alle sâlt oan kant dien bij wat lafs.
Ik kin wol janke. Mar ferdwynt dan lijen?
Smyt de trom fan dyn fertrouwen yn ’e striid
dy’t de wei fan alle matearje beskiedt.
Inkeld en allinnich de mjitte fan ferlies
makket in sterling gelyk oan God.
(Sels bij de oanblik fan in neaken pearke
behâldt dizze stelling noch syn wearde.)
Gryp de stokken, slaan de trom en marsjearje:
do mei dyn skaad ûnderweis nei dyn lot!
18 desimber 1972
Nederlânske oersetting: Peter Zeeman
Hichten
Hja sieten mei har beiden graach
op ien fan de gloaiende hichten
mei sicht op tsjerke, park en haach
en op it tichthûs yn ’e fierte.
Ek it mei farenblêd omwûn
bassin wie part fan ’t útsjoch dêre.
Yn ’t waarme sân en sûnder skuon –
sa sieten wer dy twa tegearre
te sjen hoe’t traach in wolkje dreau
en, de hannen om ’e knibbels fâlde,
nei ’t útgean fan de bioskoop,
it gewrot mei ynfalidekarren.
Fier fuort blonk in konserveblik
neist bulten bakstien, skerven, izer;
boppe dy rôze spil fan blik
skaaide in krie om, krassend, kriezend.
Auto’s setten op ’t sintrum ta,
fan ’t badhûs ôf ien brêge fierder.
Foar in monteur op wei nei ’t ‘ja’
klonk fan ’e tsjerketoer gebingel.
Mar op ’e hichte wie it stil,
in fleachje brocht de beiden kuolte,
gjin skreau, gefluit, of wat op til –
inkeld in brims gûnze mei muoite.
Krekt as lei ’t gers hjir en dêr plat –
dat wie dan dêr’t hja meastal sieten,
mei spoaren fan in roetswart gat:
’t ferkoalle houtfjoer dêr’t hja ieten.
De melkkij binne lang al wend
om sokke plakken skjin te slikjen;
dit wie bij elkenien bekend
mar foarbijgien oan har blikken.
Wat jiske, in oerskot – wat soe ’t:
wyt sân deroer en dan ferjitte.
Swart stuts de hals op fan in krûk,
dêr nei it leegjen stikkensmiten.
It jûnlet – ko-gebalt – betsjut:
nei ûndren ta oant bij de strûken.
Hja tuten ôf, noch lang net wurch,
en stil as blommen dy’t al rûke.
*
Elk gie syn eigen kant bydel,
soms stroffeljend of even glidend.
Ta hage sleat him it strewel
of ’t stie de blik ta him te sprieden.
Har soalen slipten oer de dau
en tusken stiennen glinstre wetter –
de ien berikte ’t paad al gau,
de oar de fiver justjes letter…
De jûn wie fol fan feestgerûs
(’t die bliken dat twa pearkes trouden),
mei jeugd dy’t dûnset, flirt en brûst,
in bûnt beweech fan mannen, frouwen.
Dan kaam de jûntiidsskimer oan
om wolken út ’e loft te lokjen –
dizen setten har fêst op ’t lân
en bij de tsjerke letten klokken.
De iene stroffelt, krijt it dreech,
de oare smookt en rint op roazen.
Dy jûn doe giene hja omleech…
Elk hie in sydkant fan ’e gloaiing.
De ôfstan groeit tusken de twa –
want elk set ta op eigen delling.
Doe skuorde yslik gjalp nei gjalp
de loft, it ear ta skrik en kwelling.
Dêr brekt de haach fan strûkeguod,
as knapten tûken, foelen blêden.
It twatal wurdt út dreamen skuord
fan pine om ’t allinnich-wêzen.
Gewaaks biedt gjin beskerming mear,
de ierde is in waachwiid gapjen:
foar elk stiet in pear moardners klear
mei izer yn ’e hân as wapen.
De ien waard troch in bile kleaud,
bloed sipele oer syn horloazje –
’t ljocht fan de oar waard wjerslachs doofd
yn hertferlamming fan emoasje.
Mei earmen klevend fan it bloed
ferburch it skom de deade liven…
Dy ha elkoar dêrnei wer fûn
yn de mei kroas oersljochte fiver.
*
Kom, breidspear! Gasten! Op nei skaal
en kanne want de tafel noeget! –
Doe, fan ’e hichte, kaam ’t ferhaal
fan moard, ferteld troch in pear hoeders.
It sinnesakjen brocht syn gloed
dêr’t heech in keppel wolken weide.
De melkkij slikken roppich bloed
fan strûken, sûnder haast te krijen.
Mar de monteur fleach oer it paad
nei ’t grien gewaaks – lyksa syn sweager –
en liet syn breid yn dau en skaad
mei breidsboeket en wiete eagen…
En ien âld minske yn in plaid
flocht wakker troch oan in pear stiksels.
De rest, ferstikt troch drank en leed,
beklom mei snijend ark de hichte.
Dêr giselen har twiich en tûk’,
hja draafden troch as geastferdriuwers –
de melkkij balten bij in strûk
en sochten ’t heil doe bij de fiver.
En elk seach no ynienen dat
– (de dei hie gleon west en it stonk der) –
dêr yn it kroas djipswart in gat
te sjen wie as in doar yn ’t donker.
*
Wa lûkt se oait wer út dat leech?
Wa sil se út dat wetter drage?
De dea oerspant se himelsbreed
en leit as wetter yn har magen.
De dea stekt al yn ider wurd,
yn stâle, woartel, alle stekken,
yn ’t bloed dat slikjend opheind wurdt
en heart ta alle kij as dekking.
Dea stekt yn dy fergese tocht
(as gie it om in dievefolkje).
De molke is no bloedread focht
bij elke ko op ierde molken…
Dan – yn in reade en reade wagon,
dan – troch reade en reade kontreien,
dan – yn in reade en reade kom;
molke dy’t de reade berntsjes krije.
Yn elke bûntkraach stekt de dea,
dea stekt yn stimmen, yn papieren.
De stêd betellet – skuld wurdt mear:
in dea sa swier om op te bierjen.
Til se omheech! Ferhelp har blast!
Hoe ’t leed te stremmen fan dy deaden?
As moard al op in brulloft past –
hoe readens dan bij molke keare?
*
De dea is gjin betiisd karkas
mei seine, heal yn dau ferdronken.
De dea – dat is it grien gewaaks,
wij minsken oan ’e strûken klonken.
Hij is gjin roubân en gjin rou,
it skriemen net oan iepen kûlen;
hij is it reade bankgebou –
dea is ’t gekras fan krie en ûle.
Dea is wat yn masines raast,
en yn gefang en park en hagen.
De dea is lieder, sjef en baas
en slûpt yn alle tassedragers.
De dea is glês fan ’t swimbad dêr,
fan tsjerke, hûs, yn bouwen, slopen –
de dea stekt yn ús allegear –
want nea sil har wer deiljocht dope.
De dea is arbeid en ús swit
en huzet yn ús libbenskrachten,
yn murch en ier, gesucht, gekryt –
yn sielen, lichems en geslachten.
Foar ús bin hichten díen miskyn:
lit thús de lampe ljocht ferspriede.
Net wij bin it, foar harren blyn –
hja kinne ús net ûnderskiede.
*
Roazen, pioenen, tûken sering,
narsis en tulp, margriteboeketsjes,
spraat oer dy grimmige kiste fan sink,
de iris – en ek ferjit-my-netsjes
en roazen, rûkend en penetrant,
wetterleeljes as út alabaster,
en orchideeën en de krysant,
fioelen, earmenfol reade aster…
O lis se oan de igge del
of lit de himel se ferlosse
of jou se oan it wetter wer,
dan draacht de stream se nei de bosken,
nei swarte fuorgen troch it wâld,
nei streamfersnellingen en beken,
nei hut neist hut fan donker hout,
nei Balten yn har heuvelstreken.
*
De hichten – ús jonkheid ferflein,
’t ferlet om dêryn om te dwalen.
De hichten – strjitten sûnder ein,
hichten – in netwurk fan kanalen.
De hichten – ús grutskens en sear.
De hichten – de ein fan de ierde.
heger oft wij op hichten stean,
hoe skerper oft wij ’t ûnderskiede.
De hichten – triennen en fertriet.
Hichten – leafde, lust, behagen.
Hichten – skreau en ôfskiedsliet,
in ôfreis om wer op te daagjen…
It ljocht, de pine dy’t sa skrynt,
de eangst, ferweefd mei hunkeringen,
yllúzjes, dreamen en fenyn –
alles bleau oan ’e strûken hingjen.
Hichten – it sammelplak fan rom.
Hichten om ’t hert oan te ferheffen
rjochts fan gisel en martelgong –
de hichten – dy’t ússels oertreffe.
Har toppen sjen is ús te dreech
oant yn it djipste fan ’e nachten.
Juster, hjoed, yn ivich beweech,
sa geane wij – omleech, omleech –
de gloaiing ôf fan piid en krachten.
De dea is it berikt ravyn.
Mar libben set op hichten yn.
1962
Nederlânske oersetting: Charles B. Timmer
➰➰
In hus is frjemd foar wa’t it ta him nimt.
In blik giet hastich oer fornús en stuollen,
en dy misstean dejinge dy’t hjir rint
sa slim dat se harsels ferdringe wolle.
Mar ’t hûs hat der genôch fan leech te stean.
Allinnich ’t slot hâldt fêst oan âlde doarren;
dat der in oar yn kaam is it ûntgien
en yn it tsjuster bliuwt it him ferwarren.
De nije liket echt net op de man
dy’t hjir syn meubels hinnebrocht en linnen,
en tocht dat dít it wie, nei winsk en plan;
yntusken is er fuort en gie er hinne.
Gjin parallel of bining ha se hân:
gesicht, karakter, núvre eigenskippen.
Mar tusken dizze twa bestiet in bân,
der rint in tried, gewoanlik wente hjitten.
oktober 1962
Nederlânske oersetting: Peter Zeeman
➰➰
Op ’t plattelan komt God noch samar foar,
hij lûkt him net werom sa’t spotters tinke.
Hij segent hûs en hurd mei syn geskinken,
ferbynt de boppe- mei de ûnderdoar.
Op ’t plattelân klinkt oeral wei syn rop,
hij stiet heal sliepend oer it fjoer te bûgen,
op sneontemiddei siedt er linzesop
en knypeaget nei mij, syn stille tsjûge.
Hij plantet hagen, trout de fammen út
oan jachtopsjenners, hâldt fan grapkes meitsjen,
hij soarget dat de jagers, sljocht nei bút,
op einen sjitte sûnder se te reitsjen.
Gelegenheid om dizze wûnderheden
acht te slaan bij ’t fluitsjen fan de wyn,
is dan ek wol de iennige genede
dy’t in ateïst op ’t plattelân wjerfynt.
1964
Nederlânske oersetting: Leidse slavisten
➰➰
It swarte firmamint kaam ljochter foar,
koe net mei ’t tsjuster troch ien doar.
Dy jun doe bij us walmjend fjoer, ’t wie raar,
dêr waarden wij in swarte hynst gewaar.
Wat swarters seach ik fan myn libben net.
Syn skonken wien’ as stienkoal, as briket.
Sa swart wie hij, as leechte, as de nacht,
ja inketswart fan sturt oant moannefracht.
Syn rêch hie nimmer sadelpine kend
en skynde út in swartens fan in oare tint.
Deastil, hast sliepend, stie er dêr gewoan.
Skrik joegen ús syn swarte hoeven oan.
Hij wie roetswart, gjin skimer die him sear.
Noch donkerder fan oansjen koe net mear.
Sa swart as binnenyn in nuddel is,
as stjerleas tsjuster dêr’t gjin útwei is.
Sa swart as ’t swart datst yn ’e bosken hast,
swart as de djipste holte yn dyn boarst,
as dat wat mollen kieze ta har went.
Ek oan ús geast is ryklik swart bekend.
Hij waard noch swarter; navenant syn macht.
Dochs wie it noch mar amper middernacht.
Hij kaam gjin millimeter tichterbij.
Unpeilber tsjuster, liif- en flankpartij.
Net langer wiene sturt en rêch te sjen,
de lêste ljochte feech gie no ferlern.
It fûle eachwyt tsjutte op gefaar.
Mar slimmer noch wie de pupillestaar.
Hij skaaide nei in negatyf. Ik tocht:
wêrom is hij, syn draf ta stilstean brocht,
oant yn ’e moarn yn ús fermidden bleaun?
Wat hat him nei it baarnend fjoer ta dreaun?
Wêrom syn swiere, swarte smûch hjir brocht,
dat risseljen? Wat wie it dat er socht?
Hij seach – de eagen priemmen rûn en rûn –
oft er bij ús in hynsterider fûn.
28 juny 1962
Nederlânske oersetting: Peter Zeeman
➰➰
foar A.A. Achmatova
It gekraai fan hoannen klinkt, se beare fel,
learzens stampe oer de strjitwei op en del,
it smaragd fan hynders flonkert, en de ein
hat al mannich tiidgenoat de wacht oansein.
Boppe ’t steechje sjongt in fluite troch it rút,
bij ’t kanaal barst in pistoal yn laitsjen út,
’t glês begjint te triljen yn it raamkezyn,
en de keamer baait op slach yn heldre skyn.
De soldaten fan it broeierige waar
nimme strûken as har lanningsplak foar kar,
en se stoarmje troch de leanen fan de moarn
as de skimen fan aairûne skippen oan.
Op in paadsje fan in reade gloed oerspield
komt de gouden ienentweintichste yn byld,
dy’t op fragen en geflok as antwurd jout
dat er mei in wolk fan stoom dit ljocht omjout.
Poerallinnich komme jo bij ’t Marsfjild oan
as de sinne him dy deis foar ’t lêst fertoant,
lykas meastal yn in blauwe jurk, te foet,
mar wij, jo ferearders, binne fuort – foargoed.
Yn jo hân in skriuwsel, in papieren rol;
’t glinsterige wetter klotsket tsjin ’e wâl;
oars net as in taksy dy’t jo rinnen sjocht;
liedingtriedden bûge oan ’e wei ta troch.
Dan heffe jo de holle, ’t ynmoai gesicht –
en in lûde laits klinkt, as in grêfgedicht;
troch in frjemdklank op dat gleone brêgedek
skrút de leechte sels foar eventsjes tebek.
Ik seach net jo triennen, sjoch net jo fertriet,
hear op ’t asfalt net it sûzend banneliet
ride jo sadaalk op bosk en baaien ta –
troch jo lân, dêr’t jo net iens in stânbyld ha.
Yn jo waarme keamer, lykas ik dy ken
sûnder boeken of oanwêzichheid fan fans,
mei de hân oan ’e holle, skriuwe jo licht-
wol oer ús yn lizzend hânskrift in gedicht.
‘O myn God!’ hear ’k jo dan sizzen mei in sucht,
‘’t is it fleis fan sielen – dizze smoarde lucht –
dy’t har ropping achterlieten, ’t is neat mear,
en alhiel gjin nije skepping fan Jo, Hear!’
juny 1962
Nederlânkse oersetting: Margriet Berg en Marja Wiebes
Bij de hûndertste bertedei fan Anna Achmatova
De bôge papier, it fjoer, it nôt, de molestien,
de bilen wiet en skerp, it hier koart yn ’e nekke,
God hâldt dat allegear yn stân, en as gjinien
syn eigen wurden as ‘genedich’ en ‘barmhertich’.
Dêr’t de polsslach yn stûket, it biente yn brekt,
dêr’t de lodde yn stekt. Se klinke dof, berêstend –
ien libben hat in mins –: syn wurden klinke beret
en lûder as in stim út pluzen wolkenêsten.
Do keninklike siel, ik bûch fan oer de see
foar wa’t se fûn, foar dij, foar wat der fan bleaun is
en rêst yn memmegrûn, dy’t mei syn dôfstom nee
troch dij ta de jefte fan it wurd dreaun is.
july 1989
Nederlânske oersetting: Gents Collectief van Poëzievertalers
Mear fan Eppie Dam
De ingel Gabrielle en oersettingen fan Joni Mitchell |
Autopetsjend jonkje en Op it wettersportfestival |
Eucalyptus |
Selsportret neffens in foto en Bloeiende eucalyptus bij de hjerst |
Hommaazje oan it lansearplak en De fiskers op South Head |
Wurkgelegenheid foar de klasseleaze kastes en De takomst |
De pûltsjepreek |
De wandied en In dagewoane reinbôge |
Troch de houtseagersdoarpen |
Houthakker yn ’e middei Oersetting fan Noonday Axeman fan Les Murray |