carla van der zwaag image

Poëzij

Carla van der Zwaag - Fers2 nû. 4.14, 23 septimber 2018

Rekke

Wurden hiene har

foar my ferskûle

doe’t hy myn ferbjustere eagen

oan diggels seach.

In beskomme ring

klettere oer de flier.

Noch hieltyd liet myn bûsdoek

him net ûntfâldzje.

Jûns lei

-te let-

it werwurd

op it holkessen.

Carla van der Zwaag - Fers2 nû. 4.15, 7 oktber 2018

carla van der zwaag image

Tsierderij

Sy hong my yn ’e bek

nei’t sy my geweken naam.

Ik krige in ûnderwetterstek,

al trof my gjin blaam.

Ychel waard ik fan har stimme.

Tegearre nitelen sy my faak

nei’t sy mûskoppe mei in freondinne.

Ik ferwarde my omraak.

Ik woe de frede bewarje

en dôve dêrom ’t fjoer,

mar hieltyd begûn sy wer te sarjen,

dat úteinlik waard ik poer.

Myn wjeraksels wiene net fergees.

Uteinlik kaam ik boppe wetter

en koe ’k wer rjocht troch see –

      … letter …

Dy’t bearre as de moolder sels, ik wist:

wie inkeld de mûs yn ’e moalkist.

Carla van der Zwaag - Fers2 nû. 4.16, 21 oktber 2018

carla van der zwaag image

Gearrane

Yn ’e fierte

seach ik dy,

do see,

as in badkúp

fongen

tusken twa dúnen.

Ik joele

oansto dy my

yn folle gloarje

sjen litte soest.

Do lietst op dy wachtsje.

Bergen fan stien en sân

as in sluier foar dyn antlit.

Tichteby

tuorrenhege húzen

mei tûzen rúteagen.

Uteinliks

spratest dyn moaiste

blau-sulver kleed

út foar my –

t skom op ‘e wangen.

Dyn fel, sa gielgleon

moete myn teannen.

Ik sprate myn earms,

liet my yn dy sakje.

Us gearranen

doarre amper in kertier.

Doe smietst my

mei dyn grutste weagen

befredige

op it baarnend sân werom.

Carla van der Zwaag - Fers2 nû. 5.5, 10 maart 2019

carla van der zwaag image

Fan ’e mich en d’ oaljefant

In fûle brân lôget yn ‘t foltere hert,

mei sprantels as bliksemflitsen

troch alle ieren fan myn grutte liif,

ferlammet skriemend earms en skonken.

Sinnen eksplodearje alderheislikst.

Tonger gjalpt lûdleas út myn holle eagen

de triennen skroeie it glazuer

fan bluodrige tosken

en sjitte bloedkoralen de rouwe wrâld yn.

Yn it neakene ljocht

fan ûnbidich flokkende flammen

falle klean as jiske op in fertoarre flier.

Fel feronfelet ta ferkoald plissee.

Faaks dûnset de mûs de Polka op hjitte koalen

omdat er op de sinne wennet

ynstee fan op ’e moanne.

Ferhûddûke troch slachrein

set de wyn de krimp yn.

Ferdronken yn in reindrip dwêst ik.

Hikke en tein op it Hearrefean learde Carla van der Zwaag Hollânsk te praten en skriuwen. Sy en har twalingsuske, trettjin jier âld, ûntdutsen dêr op ‘t Fean yn ‘e boekhannel in fersebondel fan Hanny Michaëlis en kochten him. Carla begûn dêrnei rillegau te dichtsjen, yn it Hollânsk. Op de Kweekskoalle yn Snits kamen har stikjes en fersen yn ’e skoalkrante. Nei’t har man en sy har yn ’e Wâlden nei wenjen setten, makke se har it Frysk eigen. Krekt nei trije bern en 25 jier wurkjen as dosint wie der wer tiid foar poëzy. De kursus Frysk by de Afûk en in dichtkursus by Abe de Vries hat har oantrúnd te pin wer op te krijen, no foar it Fryske fers.

Mear fan Carla van der Zwaag

‘Fan de mich en de oaljefant’ In fûle brân lôget yn ‘t foltere hert,/ mei sprantels as bliksemflitsen
‘Gearrane’ Yn ’e fierte / seach ik dy, / do see
‘Tsierderij’ Sy hong my yn ’e bek / nei’t sy my geweken naam.