image eric hoekstra

Poëzy

Eric Hoekstra - Fers2 nû. 3.20, 10 desimber 2017

Rie fan Ben-Jamin Libet

Dêr’t lefferts har net weagje

kinne helden skatten fine

of seagje oan môge pylders

dêr’t krupte rûpen sline

fan ’t jild fan keppels krigen

dy’t har willeas melke litte

troch de junks oan jild ferslaafd

dy’t macht te finen witte.

Wêr’t it macht te wêzen haget?

Dêr’t de pryster op sieltsjes jaget

as de baas op personiel. Ik lies

by Ben-Jamin Libet: kies

fan twa kweaden de minste

earsto oan dy striid begjinste.

Fleurige Intifida’s

Hy taalt net mear nei froulju, hy taalt

allinnich mar nei taal en hy telt

allinnich kwantiteit en oft papier

de gearkomste-anemy korrekt beskriuwt

en wriuwt him bonkehannen, stikelstekt

op plannen en prosedueres fan in Oar. Riuwt

de wikel syn ringen yn ’e lucht

hearrich oan it strjitplan fan ’t gehucht?

Boppe frustraasjes-opkrop en stille kanker

jout gjint de pree oan aventuer op rôver’s tanker.

Fleurige Intifida’s, jou acht:

Europa is ryp foar de slacht.

It libjen fan ’e Oar makket jim smoar

en gearkomste en proseduere fine jim toar.

Jim stjoere jim bern mei selsmoardgurdel ta

op de Oar; faaks winne jim it sa.

God en duvels

Justerjûn wie God wer op tv

by Pauw en Witteman en dizze kear

hie God ek wer gelyk.

De duvels wiene der net,

dy holden it mei de Satans

fan it ynternet.

image eric hoekstra

Eric Hoekstra - Fers2 nû. 5.10, 19 maaie 2019

In wiete tonge

It sjongt yn my fan al te grut geniet.

Wat grutter wille wol myn liif no smeitsje?

Der rint in wiete tonge oer de ierde

Laitsjend om wat oaren noflik neamme.

De pine yn ’e holle wie neitiids net te fernearen,

Sa skuorde de God yn my om los.

Ik fytste oer it Saailân; samar sei

In frommes tsjin my: Jezus heeft U lief.

“Wat leuk” tocht ik, en “Yn hokker steech

Set ik dy mei dyn kont tsjin de muorre”,

Moast laitsje om de tinzen fan myn ikken.

De tekens foar it krikken wiisden goed

En neitiids kamen der skuorren yn de muorre,

Myn holle wie te lyts foar safolle wille!

It sjongt yn my fan al te grut geniet.

Wat grutter wille wol myn liif no smeitsje?

Der rint in wiete tonge oer de ierde

Laitsjend om wat oaren noflik neamme.

It flues fan eare

Amputearre earms amputearjend

en oantink yn wetter te doovjen

fan leafde en jittik fan wraak

en rjochtfeardichheid te ferjitten,

it fel fan in fijân te fiellen

of de kleur op har wangen te sjen

of de sierlike skonken tripkjend

is genôch om fan har te genêzen.

De maagden dy’t se foarseine

binn’ lju dyst opblaasd hast.

Wiene se gemeen tsjin dy?

Binn’ se net moai yn har fleis?

Binn’ se net moai yn har wredens?

In tútsje derop en it is oer,

in tútsje fan skientme en it flues

fan dyn skeinde eare is wer nij.

Eric Hoekstra - Fers2 nû. 5.14, 22 septimber 2019

Gjinien is in eilân

image eric hoekstra

Do sitst net op in eilân

as isolearre sedimint, do bist

in part fan it gehiel, do bist

in stikje grûn fan it grutte kontinint.

En spielt de grûn yn see,

wannear de dyk trochbrekt,

dan spielt in stikje ierde

yn ’e wettersneedramp mei,

en it âlderlik hûs, de saak

fan in freon, de lok dyst bewarrest

en alles dat dy rekket

en ta in minske makket

De dea fan in minske fermindert my

want elk syn wolbefinen is myn saak

dat hiele minskdom deart my oan

want nimmen is in eilân, ik noch dy.

Basearre op meditaasje 17 fan John Donne

Och stean net by myn grêf, rou net

Och stean net by myn grêf, rou net,

ik bin dêr net, jim binn’ te let.

Ik bin de hege wyn dy’t waait,

ik bin de stoarm dy´t ramaait.

Ik bin it ljocht op nôt en wein,

ik bin de sêfte maitydsrein.

Ast fan ‘t bêd komst foar it wurk

dan bin ik de lytse ljurk

en wjukkelje de himel yn.

Ik bin by nacht de stjerreskyn.

Och, gûl net om myn grêf, myn lea.

Ik bin dêr net, ik bin net dea.

oersetting fan Mary Elizabeth Frye, Do not stand at my grave and weep

Mear fan Eric Hoekstra

Twa gedichten
Rie fan Benjamin … en oare gedichten
Ferrifelje en bedraaie Hoe’t it kwea derút sjocht: in supermoralistysk stânpunt
Letterkunde op ’e skopstoel en der wer of Don’t shoot the messenger. En fansels, de messenger kin mis wêze.
Reaksjes op Fers2 In debat is nedich as der in probleem is en dat sjoch ik hjir net.
Letterkunde II Yn in eardere bydrage ha ik konstatearre dat de wittenskip mei de namme Letterkunde it minst foarútgong boekt hat fan alle wittenskippen …
Letterkunde Wat bepaalt hoefolle status as in wittenskip hat? Twa dingen. Jild en Wiskunde.
Wat is it underwerp, it doel en it nut fan de wittenskip? Ik bou no’t alles falt in kantich hûs foar jo/ (jo binne al sa fier, ik sis net langer ‘do’)
Oer it hoe, wat, wêom fan de wittenskip Geasteswittenskip