image

Poëzy

sekreet fan serebraal

Anne Heegstra - Fers2 nû. 4.12, 17 juny 2018

sûnt oanset yn serebraal beskûle

leit it longerjend op ’e loer

oant dy neare neisimmerdei

oanboazjend komt it oer

benearjend ferdizenje bylden

lûden wurde sêft rûzjen en fertize

tinzen fâldzje it ferfleine

yn in ferlamjende dize

wâljende eangst wol ’k weare

mar pandert eigen paad

en panys’ komt preuveljend

as los sân myn praat

wylst it fluensk de flerken wuollet

om ’t warleas wrakseljen

hellet it my oer, lit ik my gean

sûnder mear tsjin te akseljen

Anne Heegstra - Fers2 nû. 5.1, 13 jannewaris 2019

image anne heegstra

pingmarspôle

oan ’e pôle mids mar en meannewei

pronket maaitiidsdei mei giele pracht

djerreblom yn foarjiersdracht

skolperje simmerweagen

de wille fan boartsjen en fertier

fermaaklik mei taknypte eagen

reauntsje hjerstmis yn reidensrûzjen

âlde sankjes en ferhalen

lyk eartiids by ’t lampesûzjen

wjerspegelet wintersinne op snie

kâld fûleindich streekjen

wylst fan bramen weet net wie

en myn alter-ego jit him moffele hie

Anne Heegstra: Ik bin berne en opgroeid yn in doarp nei oan de Alde Feanen. Faak wie ik te finen yn it wenarkje fan pake’n dy oan Meanneweispolderdyk. Omdoarmje yn de fjilden, as mei de skou it wetter op. Hiele ferhalen en gedichten fantasearre ik dan ûnderweis en jûns yn ’t skimerige bedstee byinoar. It papier hellen se mar inkeldris en bewarre binne se nea. Dit kaam jierren letter krekt. Doe’t nei in tiid fan slim siik wêzen bliken die, dat ik de wurden yn myn holle wol fine mar mei praten net diele koe. Lokkich slagget it my mei skriuwen op de pc al.

Mear fan Anne Heegstra

pingmarspole oan ’e pôle mids mar en meannewei / pronket maaitiidsdei mei giele pracht