schiffart image

Sipke de Schiffart - Fers2 nû. 3.7, 9 april 2017

de omkearde wrâld

nei Magnus, de iepeningsfilm

fan it Noardlik Filmfestival 2016,

spilen kollega dichter Elmar Kuiper

en ik noch in oantal fluggerkes

yn de foyer fan de Harmony

hy hie my útdage

ik liet him alle hoeken fan it boerd sjen,

oerspile him mei boartlik gemak,

as wie ik Magnus Carlsen sels

mar oan de ein fan de jûn

gong hy, net ik,

mei de moaist tinkbere trofee nei hûs:

Wytske Postma

Sipke de Schiffart - Fers2 nû. 3.6, 26 maart 2017

schiffart image

petra

op in normale fraach

joust in normaal antwurd,

teminsten, ast sels normaal bist

mar do bist net normaal,

dêrom joechst gjin normaal antwurd

op myn normale fraach

doe’t ik dy frege oftsto mei my op bêd woest,

koesto dêrop antwurdzje ja of nee,

of ik moat der noch efkes oer neitinke

mar it is echt net normaal

om dan mei in lilke kop fuort te rinnen

en te sizzen datst nei de plysje giest

dat is in abnormale reaksje,

ja, ek ast troud bist mei in dûmny

fan de Grifformearde Tsjerken frijmakke

Sipke de Schiffart - Fers2 nû. 3.4, 26 febrewaris 2017

schiffart image

konsekwint

tritich jier lyn

ha ik ris besocht

Paulien

te fersieren

it wie yn ’t Diekje

en ik hie sin oan seks,

dat sadwaande

mar Paulien wiisde my ôf,

se keas foar Kelvin,

in opneukerke

mei in grutte bek

hjoed fytste Paulien,

âld en ferlept

en swier blondearre,

my foarby

sûnder my te groetsjen

kinst fan sa’n dom

wiif sizze watst wolst,

mar se is wol

konsekwint

Sipke de Schiffart - Fers2 nû. 3.3, 12 febrewaris 2017

schiffart image

      ➿

en jimmer komme de freugden wer

mei Obe Postma

ha ik net folle, eins neat

dochs fleurje ik altyd wat op

as ik syn namme hear

mei poëzij, lykwols,

hat dat neat te krijen

it komt trochdat ik oait

yn krapoan tritich sessys

51 kear neukt ha

yn de Obe Postmastrjitte

Dizze gedichten komme út de bondel dy’t mei koarten ferskine sil by Hispel.

Mear fan Sipke de Schiffart

Sipke de Schiffart - Poëzij hy hie my útdage / ik liet him alle hoeken fan it boerd sjen
Sipke de Schiffart - Poëzij op in normale fraach / joust in normaal antwurd
Sipke de Schiffart - Poëzij tritich jier lyn/ haw ik ris besocht
Sipke de Schiffart - Poëzij en jimmer komme de freugden wer