name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

‘Tsiere, haspelje, iggewearje’

It Fryske toaniellibben yn Amsterdam, 1885-1900
Diel 1. De Ferieningen

Abe de Vries - Fers2 4.18, 18 novimber 2018

 

frysk toaniel yn amsterdam image

 

 

Summary
At the end of the nineteenth century, over a time period of fifteen years, five cultural societies for performing arts in the Frisian language were established in Amsterdam. This cultural activity resulted from large-scale migration due to the Great-Agrarian Crisis, which forced many Frisian language speakers from their rural ethnic minority region to the Dutch speaking city, looking for work. This study explores the role of Frisian cultural societies in Amsterdam in the preservation of the Frisian immigrant’s native language and culture. Digital newspaper archive research shows, firstly, that the Frisian theatre performances were very well attended, and secondly, that there was discord between as well as within the societies, regarding the type of culture to be transferred and the language for the cultural transfer, traditional or modern and ‘less Frisian’, and low or high culture. The findings suggest that the theatre societies helped the formation of immigrant communities in which language and culture could be preserved; however, they did not succeed in consolidating the Frisian community, because of a subcultural diversity amongst the Frisians, that could not be resolved abroad.
Keywords: cultural preservation, immigrants, nineteenth-century cultural societies, bilingualism, hybrid traditions

 

 

Twee Friesche boeren zouden dezer dagen voor ’t eerst over zee gaan, over de Zuiderzee nl. Men had hun gezegd, dat zij geen last van zeeziekte zouden hebben zoo lang zij land roken, en onze slimme boertjes hadden dat in hun oor geknoopt: – toen ze aan boord waren, haalden ze uit hun reistasch ieder een groote graszode en begonnen daaraan te ruiken, net zoo lang tot zij… voor mirakel lagen onder de kwellingen der zeeziekte.

—‘Gemengd nieuws’, 1889  

 

 

Tony Feitsma hold yn 1970 in nijsgjirrich pleit foar wat sy in ‘Fryske literatuersosjology’ neamde. Fryske skriuwerij, benammen dy fan de njoggentjinde ieu, wie ommers ‘in sosjael forskynsel fan de earste oarder (..), dat gearhinget mei oare sosjale forskynsels.’A. Feitsma, ‘Oanrin ta in Fryske literatuersosjology?’, Trotwaer 2 7/8 (1970) 2. Ut dat eachweid wei soe mei de metoaden fan de literatuersosjology de ynfloed fan teksten op it publyk bestudearre wurde moatte. Dêrby soe it behalve om Literatuer ek gean moatte om ‘folks­lektuer’ – ferhalen, koartswyl, foardrachten en toaniel. Feitsma hie mei oare wurden in krityske literatuersosjology op it each, in wittenskip dy’t de relaasje tusken tekst en publyk bestudearret.

‘Ynfloed’ fan teksten op publyk oanwize, wat wy no reader-text interaction research neame, is in problematyske operaasje as men net wit wat der wannear, en troch wa, publisearre of op ’e planken brocht is. Sûnder de tekst en de patroanen dêryn en sûnder in idee fan de kontekst komme jo net fier. Yn de Fryske literatuer is foaral it njoggentjinde-ieuske toaniel wat dat oanbelanget noch fierhinne in terra incognita. It standertwurk is Ype Poortinga, It Fryske folkstoaniel, 1860-1930 út 1940, in stúdzje mei foaral in ynhâldlik-beskriuwende oanpak, rjochte op it ûntwikkeljen fan in typology fan Fryske toanielstikken. De funksje fan it Frysk toaniel as fuortsterker fan in Frysk-kultureel selskips- en mienskipslibben kaam dêryn net dúdlik nei foarren. De lêste fyftjin jier fan de njoggentjinde ieu hawwe yn de Fryske skriftekennisse faak op in minne namme lein; it soe in perioade fan kulturele stilstân en achterútgong west hawwe.

Der binne wat biten en brokken te finen. Rudolf Canne hat yn It Heitelân in skets jûn fan it libben fan de toanielspiler Wibren Duim. It Tinkboek fan it Frysk Selskip (1949) meldt in pear bysûndershy;heden. Yn 2000 en 2005 publisearren Frank Suurenbroek en Suurenbroek en Marlou Schrover stúdzjes nei de emigraasje fan (ûunder mear) Friezen nei de haadstêd, te witten ‘Friezen in Amsterdam’ en ‘A separate language, a separate identity?’ En yn 2011 ferskynde it mânske Friezen yn ’e frjemdte mei in haadstik oer Fryske kriten yn Amsterdam. Mar dy’t ris yn ’e kranten út de perioade dûkt, sjocht al gau dat der noch in grut gebiet braak leit, en ek dat guon sintrale feiten yn niisneamde publikaasjes misse. Sa is de toanielferiening Velstra net oprjochte yn 1883, sa’t Suurenbroek meldt, mar op 1 desimber 1894Karbrief fen de foriening ‘Velstra’, oprjuchte to Amsterdam op 1 Decimber 1894 (Drukkerij Gelderschekade 51 F. Jaski, Amsterdam 1897). Sjoch ek ‘Forieniging Velstra to Amsterdam’, Sljucht en Rjucht 6-46 (13 desimber 1902): ‘De 14de fen de Wintermoanne sil ús selskip syn 8ste jierfeest hâlde yn ‘t hûs Belvidère op de Ruiterkade’. – en de earste Fryske kulturele feriening yn Amsterdam wie Velstra ek net. Al mei al: nei de funksje fan kultuerbehâld dy’t it Frysktalich toaniel bûten Fryslân hie, is nea ûndersyk dien.

Dat smyt de fraach op wat de rol fan it Fryske toaniellibben yn Amsterdam yn it Fryske taal- en kultuerbehâld yn de perioade 1885-1900 no eins wie en hoe’t de Fryske selskipsdynamyk yn Amsterdam him ferhold ta it Fryske toaniel ‘thús’. Dielfragen binne dan: Wannear sette men út ein mei eigen ferieningsferbannen, wat waard der spile, wat wie de sosjale, politike en religieuze achtergrûn fan de belangrykste bestjoerders, wêr rûnen de skiedslinen?

Tiidgenoaten binne wei en notuleboeken binne net bewarre bleaun, dus is men yn haadsaak oanwiisd op ynventarisearjend krante- en befolkingsargyfûndersyk en dêrneist op wat memoires en de befolkingsregisters. Ik ha my rjochte op relevante publikaasjes yn ûnder mear it Algemeen Handelsblad, Het Nieuws van den Dag, De Telegraaf en it wykblêd Sljucht en Rjucht. Om 1900 hinne hawwe der trettjin Fryske ferieningen en klups west yn Amsterdam, neffens in melding fan Suurenbroek en Schrover;Frank Suurenbroek en Marlou Schrover, ‘A separate language, a separate identity? Organisations of Frisian migrants in Amsterdam in the late nineteenth and early twentieth centuries’, yn: Journal of Ethnic and Migration Studies 31-5 (September 2005) 991-1005, 992. guon fan dy ferieningen kamen sa út en troch mei berjochten yn ’e kranten en oer har aktiviteiten waard gauris skreaun.

Suurenbroek en Schrover hawwe, net hiel ferrassend, fêststeld dat it doel fan de Fryske ferieningen yn Amsterdam taalbehâld wie.Frank Suurenbroek en Marlou Schrover, ‘A separate language, a separate identity? Organisations of Frisian migrants in Amsterdam in the late nineteenth and early twentieth centuries’, yn: Journal of Ethnic and Migration Studies 31-5 (September 2005) 991-1005, 1002. Mei watfoar stroffelstiennen men dêrby te krijen hie, bleau lykwols fierhinne bûten byld. Sa suggerearje sy dat it ‘schism in the Frisian Movement along religious and political lines’ ek yn Amsterdam in rol spile hat, wat in opfallende konklúzje is sjoen it feit dat bygelyks it religieuze elemint yn de Frysktalige kultuerorganisaasjes him krekt oantsjinne yn 1908 mei de oprjochting fan it Kristlik Frysk Selskip. Myn hypothese hjir is dat de skiedslinen yn Frysk Amsterdam earder rûnen lâns talige en artistike skiedslinen. De toanielpraktyk yn Fryslân wie fierhinne twatalich, mar in útmakke saak wie dy twataligens net, sa’t ik okkerdeis sjen litten haw yn in ûndersyk nei de Fryske toanielpraktyk yn de perioade 1870-1900.Abe de Vries, ‘Twataligens op’e planken. Toaniel en taalbalâns yn Fryslân, 1870-1900’, Fers2 4-17 (4 novimber 2018). Webside: http://www.fers2.eu/twataligens-op-e-planken/. Krigen 17 novimber 2018.

Earst gean ik nei wat der oer de ferieningen Friso (1884-1887), De Frije Fries (1885-1888), Velstra (1894-1932), Friso (1897-1913) en Sljucht en Rjucht (1899-1900) te finen is, wat der spile waard en wa’t de inisjatyfnimmers wiene. Nei in paragraaf oer de spanningen yn it Amsterdamse selskipslibben kinne dan konklúzjes folgje.

Feriening Friso en feriening De Frije Fries

De ynstream fan Friezen kaam op gleed yn de tachtiger jierren fan de njoggentjinde ieu, doe’t it Fryske plattelân teheistere waard troch de Grutte Agraryske Krisis, wylst earst yn Amsterdam yn de bou noch in protte út ’e wei te setten wie. Hûnderten, tûzenen fan Friezen ferhuzen dêrhinne. Neffens in rûge skatting út 1899 kaam tsien persint fan de Amsterdammers út Fryslân of hie Fryske âlden.Suurenbroek en Schrover (2005) 998: ‘Frisians formed the third largest group of migrants. They were only outnumbered by migrants from the provinces that neighboured on Amsterdam. In 1899 it was estimated that the number of Frisians was 40,000 (Friesche Echo, 14 January 1899). This estimate may have been exaggerated. The number of Frisians was, however, certainly more than 20,000. Official counts are not available.’ In lyts part, tusken de ien en twa persint, sleat him as kultureel bewuste ‘foarhoede’ oan by Fryske kulturele ferienings en selskippen. Sokke ferieningen hienen sawol it beoefenjen fan de Fryske taal as it bieden fan sosjale omgong en ûntspanning ûnder Friezen ta doel. In folle gruttere groep kaam as publyk op de foarstellingen ôf, meastentiids wol fjouwer- oant seishûndert minsken. Tusken de ûnderskate ferieningen en selskippen bestie gearwurking, mar ek konkurrinsje en kibberij. De bekende toanielspiler Wibren Duim hat neffens eigen sizzen fan 1889 oant 1897 gjin Fryske stikken spile om’t er syn nocht hie fan it ûnderlinge ‘tsieren, haspeljen en iggewearjen’.R.W. Canne, ‘Wiebren Duim’, It Heitelân 4-10 (11 maart 1922) 110-11.

‘Frysk Amsterdam’ begjint – hoe kin it oars – mei Waling Dykstra.Sjoch ek ‘Vereeniging “Velstra”’, De Telegraaf (13 maart 1895): ‘De Friezen, die hier en daar verstrooid wonen, hadden vroeger plaatsen, waar zij bij elkaar konden komen. Vereenigingen van Friezen lieten Waling Dijkstra hier optreden, gaven gezellige avondjes, waarop Friesche tooneelstukken werden opgevoerd enz. Doch die vereenigingen zijn met den tijd van algemeene malaise dood gegaan en gestorven – ofschoon dat sterven niet gemakkelijk ging.’ Fan in Fryske studinteferiening yn Amsterdam, oprjochte yn 1881, is in reglemint bewarre bleaun (katalogus Tresoar): ‘Bipalingen fen it studinte-selskip F.R.I.S.I.A., oprjuchte to Amsterdam yn 1881 op ‘e 10e fen Slachtmoanne’, printe yn 1898 te Amsterdam by Schoonhof. Ek lettere Fryske studinteferieningen (Fryslân út 1894 en Natio Frysica fan 1898) bliuwe hjir bûten beskôging. It earste inisjatyf fan de Fryske Amsterdammers om te kommen ta in eigen, foar alle Friezen iepensteand selskipslibben is de oprjochting yn desimber 1884 fan in feriening dy’t genôch belangstelling en stipe organisearje moat foar it oerkomme litten fan Dykstra foar ien fan syn Winterjounenocht-optredens. Miskien net tafallich wurdt yn deselde moanne yn Holwert in komitee oprjochte foar it feestlik betinken fan Dykstra’s 25-jierrich Winterjounenocht-jubileum.Leeuwarder Courant (8 desimber 1884); Algemeen Handelsblad (9, 10 desimber1884; Het Nieuws van den Dag (20 desimber 1884)). Siktaris is de frijsinnige ds. J. Bruinwold Biedel te Waaksens, dy’t in berop docht ‘op alle Friezen en voorts op allen, die letterkunde, volksverlichting en beschaving op prijs stellen, om door daden te toonen, hoe hoog zij hunnen Waling Dijkstra schatten en hoe lief zij hem hebben’. Oare leden fan it komitee binne dr. L. Feenstra, E. Kooi, P. de Boer en R. Bleinsma, allegear út Holwert. Mei in iepen brief yn de Leeuwarder Courant (1 jannewaris 1885) set de Ljouwerter liberale politicus Jelle Troelstra (de heit fan Pieter Jelles Troelstra) him achter it doel fan it komitee. Hoe’t dat wêze mei, it kerwei slagget en it optreden fynt plak yn it lokaal Koningskroon op de Plantage Kerklaan op 18 jannewaris 1885. Der komt trijehûndert man publyk opsetten foar ‘de gevierde Friesche Spreker’.

De leden – it binne der dan al sa’n hûndertNieuw Advertentieblad (21 jannewaris 1885). – hawwe ‘op vertoon van hunne kwitantie’ tagong foar 25 sint, oaren betelje 49 sint (omrekkene nei hjoed 3 en 6 euro) om de Holwerter skriuwer, dichter en foardrager te hearren.Adf. yn Het Nieuws van den Dag (15 jannewaris 1885). It optreden wurdt net neamd yn Sytse Jan van der Molen, ‘En ús Harke mei syn kleare kop’ (65 jier Frysk Winterjûnenocht) (Lykele Jansma, Stynsgea; Stifting FFYRUG, Grins 1984). Foarbrocht wurde de lêzing ‘Gjin better libben as in goed libben’, de rymstikken ‘Ljeafde en Geloof’, ‘Teltsje fen in Ljouwerter skroar’, ‘Teltsje fen in keningssoan’, it gedicht ‘Opsitten’ en it liet ‘Myn Tsjamke’. It Algemeen Handelsblad skriuwt:

De gespannen verwachting werd uitmuntend bevredigd. (..) Vroolijkheid heerschte onder de hoorders, die met de meeste aandacht luisterden en aan de toejuichingen scheen haast geen einde te komen, vooral toen de voorzitter van Friso mededeelde, dat de heer Dijkstra tot eerelid der Vereeniging was benoemd.’‘Kunst en letteren. Winteravondgenot’, Algemeen Handelsblad (20 jannewaris 1885). Wa’t dy foarsitter wie, wurdt spitigernôch net fermeld.

By syn dea yn 1914 hie Dykstra in stik as tritich fan sokke earelidmaatskippen sammele.

It doel fan Friso is ‘de vele hier wonenende Friezen eens of tweemalen per week te doen samenkomen om in gezelligen kring de Friesche taal in eere te houden en haar, door het houden van voordrachten en de uitvoering van zangstukken, te blijven beoefenen’. It is dus yn essinsje in toanielferiening, mar ek it sosjale en nasjonalistyske aspekt, de gesellichheid, docht sines. Men hat de gong der yn it begjin mar goed yn. Al twa moanne letter, op 22 maart, fiert de feriening op de boppeseal fan de Koningskroon it toanielstik De hele boel bitsjoend op, in blijspul yn trije bedriuwen fan Waling Dykstra wêryn’t it byleauwe en it leauwe yn duvels mei de gek beslein wurdt.Adf. Het Nieuws van den Dag (20 maart 1885). Waling Dykstra, De hele boel bitsjoend (Waling Dykstra, Holwert 1883). Ferslachje yn ‘Stadsnieuws’, Het Nieuws van den Dag (24 maart 1885). Dat is op dat stuit Dykstra syn nijste stik. Ek stean ûnderskate sangstikken en foardrachten op it programma en wurdt in Nederlânsktalich stikje op ’e planken brocht, in bekende klucht fan Justus van Maurik.Justus van Maurik, Pakketten voor dames. Dramatische klucht in twee bedrijven (Scheltema & Holkema, Amsterdam 1880). Der is dûnsjen efternei.

Sels yn ’e simmer sitte de wurkjende leden fan Friso net stil. Der is hiel wat entûsjasme foar Frysk toaniel losmakke, want op 2 augustus komt men alwer mei in nije produksje op ’e lapen, it bekende realistyske toanielstik yn fiif bedriuwen Giet it sa? fan Oebele Stellingwerf. Hy is de haadredakteur fan it links-liberale Friesch Volksblad en mei Piter Jelles Troelstra ien fan de gongmakkers fan it yn 1880 oprjochte Ljouwerter toanielselskip Gysbert Japicx. Giet it sa? lit wat sjen fan de gefolgen fan de agraryske krisis op it plattelân.Oebele Stellingwerf, Giet it sa? Toanielstik yn fiif útkomsten (Coöperative Handelsdrukkerij, Ljouwert 1881). It wurdt opfierd yn Maison Stroucken oan de Marnixstrjitte (it lettere en noch altyd besteande Theater Bellevue). It ‘werd werkelijk aardige gespeeld en op sommige oogenblikken waande men zich in een plattelandsgemeente der “vrye Friezen” verplaatst’. Op ’e nij stean der ek Nederlânsktalige foardrachten op it programma en in klucht mei de titel Niet en graag.Wierskynlik: Hans Christian Andersen, Niet of graag. Blijspel in één bedrijf voor rederijkers (Schuitemaker, Purmerend 1869). Oarspronklik út 1863. Bewurking fan En Nat i Roskilde fan Andersen, dy’t op syn bar it stik Une chambre à deux lits fan Vict. Varin en Louis Lefèvre bewurke.

Mar dan liket der sân yn de masine fan Friso te kommen. Ynienen docht bliken dat der in nije Fryske toanielferiening oprjochte is, ‘de Letterkundige Vereeniging “De Frije Fries”’. Dy fiert op 6 novimber yn Café Flora oan de Weteringschans it Nederlânsktalige toanielstik yn acht tafrielen Goede voornemens fan Johannes Baarda op, en as twadde stik de âlde klucht yn ien bedriuw De útdragerswinkel fan Waling Dykstra. Ek dizze jûn lûkt in ‘ongemeene belangsteling’ en wurdt besletten mei in ‘zeer geanimeerd bal’.

En Friso bestiet ek noch. Dat fiert op 7 desimber syn jierfeest yn Maison Stroucken. Net – sa’t yn de kranten noch in pear dagen earder oankundige waard – mei in opfiering fan de fiifakter Oebele Glûper fan Waling Dykstra, mar fan de twa ienakters Ate’s jierdei fan Tsjeard Velstra en Yn ’e froulju fertiisd fan Ate Struiksma (dy’t wol oankundige wie).Waling Dykstra, Oebele Glûper. Blyspil yn fiif bedriuwen (Holwert 1875)] [Oare printingen Suringar, Ljouwert 1891; H. Kuipers, Ljouwert 1923]; Tsjeard Velstra, Ate jierdei. Blyspil mei sang yn ien bidriuw (Meijer & Schaafsma, Ljouwert 1885), ek ôfprinte yn de Friesche Volksalmanak 1885, 106-136; Ate Struiksma, Yn de froulju fortiisd. Blyspil yn ien útkomste (A.L. Land, Hearrenfean 1883). It Algemeen Handelsblad (8 febrewaris 1884) hie al earder in berjocht oer de populariteit ûnder Friezen fan it doe krekt ferskynde stik fan Struiksma; it wie ‘reeds op meer dan 25 plaatsen (..) opgevoerd’. It liket der op dat der spul komd is en dat Friso, mooglik sûnder de spilers dy’t no by De Frije Fries sitte, foar syn jierfeest twongen is ta koartebaanwurk. In resinsint is net entûsjast:

Zooals men daar de Friezen van allerlei leeftijd, vergezeld van echtgenooten en dochters, bijeen zag, elkander door voordracht en lied sterkende in hun Fries-zijn, elkander in gewestelijke klanken herinnerende aan de streek waar zij of hunne ouders geboren waren, gaf het den indruk van een gezelschap bannelingen of althans van menschen die door het wreede lot van hun dierbaren geboortegrond gescheiden werden. Gelukkig weten wij dat, met al deze eigenaardigheden, de Friezen even goede landgenooten zijn als de anderen, en even gaarne een deel van het geheel uitmaken. De wijze, waarop zij de uitvoering geregeld hadden, was blijkbaar die van een “onder-onsje”; noch het tooneelspel, noch de zang hebben zeker de pretentie van ernstig besproken te willen worden. (..) Aan den Voorzitter werd op dezen avond een fraaie ivoren hamer aangeboden.‘Stadsnieuws’, Het Nieuws van den Dag (8 desimber 1885). Ek hjir gjin melding fan de namme fan de foarsitter.

Fan Friso is dêrnei gjin praat mear yn ’e kranten. De oare klup, De Frije Fries, set noch efkes troch. Op 26 augustus 1886 hat de feriening op ’e nij in opfiering fan Goede voornemens; diskear is de opbringst ornearre ‘voor de nagelaten Slachtoffers der onlusten van 25 en 26 juli’. Dêrmei wurdt tsjut op it saneamde ‘Palingoproer’ fan dat jier yn de Jordaan, wêrby’t 25 deaden foelen; it oproer hie te krijen mei tanimmende ûnfrede oer de hege wurkleazens en de grutte earmoede ûnder de arbeiders. In jier letter, yn desimber 1887, folget yn Café Flora it stik yn fiif bedriuwen Ienfâld en ljeafde fan Bonne Sjoukes Hylkema. Op it programma stean fierder ‘Ik ken een lied’ (solo foar bariton) en it Nederlânsktalige oersette blijspul De leugen en zijn gevolgen. As foarsitter wurdt neamd ‘den Heer H.J. Boon Jr.’‘Stadsnieuws’, Het Nieuws van den Dag (15 desimber 1887). Bonne Sjoukes Hylkema, Ienfâld en Ljeafde (R.P. Zijlstra, De Jouwer 1886); Rudolf Kneisel, De gevolgen van een leugen. Blijspel in 4 bedrijven. Oers. fan Der liebe Onkel (Berlin, 1874; A. Kühlings Volks-Schaubühne Nr. 12).

Dêrnei hat De Frije Fries yn alle gefallen noch ien kear in grutte jûn hâlden, yn 1888. Wibren Duim meldt in opfiering yn Café Flora fan it Nederlânsktalige Stille Jan fan de Amsterdamse toanielspiler Nicolaas Arnoldus Wijnstok. It ‘neistikje’ is de klucht mei sang yn ien bedriuw Solke mei de bargefoetsjes fan Waling Dykstra. Foarsitter is J. de Ruiter Wzn. Letter wurdt fan de feriening neat mear fernaam.

Feriening Velstra

Nei 1888 is it fiif jier stil stil. Men kin yn ’e kranten fan Frysk toaniel yn Amsterdam neat mear merkbite. Ek is it sa dat yn de jierren om 1890 hinne yn Fryslân it ledetal fan it oerkoepeljende Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse tebek rint; dy’t Amsterdam ynkomt, hat wol wat oars oan ’e holle as dûnsjen en pretsjen. It is krisis. Mar al fan de hjerst fan 1893 ôf liket der wer nij libben te kommen. Earst wurdt der wat ôftaaste yn ’e krante:

Zij, die belangstellen in de oprichting van een Heeren-Sociëteit onder Friezen, worden verzocht ter vergadering te verschijnen a.s. Woensdag 25 October, ‘s avonds 8 uur in het Hotel “de Oude Graaf”, Kalverstraat 12.Adf. Het Nieuws van den Dag (23 oktober 1893).

In dik jier letter wurdt neffens de al neamde karbrief it selskip Velstra oprjochte op 1 desimber 1894. It is de earste krite fan it Frysk Selskip bûten Fryslân. It inisjatyf hâldt mooglik ferbân mei it feit dat op woansdei 5 septimber fan dat jier it Frysk Selskip syn fyftichjierrich jubileum fierde. Dat wie yn de Harmonie yn Ljouwert, dêr’t Waling Dykstra syn ferneamd wurden, oardel oere duorjende, oanfiterjende feestrede hold, ‘Jimmer moat ik smeulen hearre…’. Toanielskriuwer en foaroanman fan it Ljouwter Toaniel Selskip Tsjeard Velstra wie doe foarsitter fan de feestkommisje fan it Frysk Selskip.‘Friesche taal en letterkunde’, Algemeen Handelsblad (7 septimber 1894). Ek yn De Haach komt der nei oanlieding fan it jubileum beweging. Yn de Haagsche Courant (11 septimber 1894) set A. Ferf in adfertinsje: ‘Friezen! Laten wij een blijk geven dat de Friesche taal bij ons in eere blijft, door als herinnering aan het gouden feest, in Den Haag eene afdeeling op te richten van bovengenoemd “Selskip”. “Frije Friezen hald’ jimm tael in aere!”.’ Yn deselde krante waard ek redaksjoneel omtinken frege foar de oprop: ‘Onder de advertentiën zal men een opwekking vinden tot oprichting van eene Haagsche afdeeling van het “Selskip for Fryske tael- en skriftenkennisse, ter gelegenheid van het gouden jubilé van dat gezelschap. Voor de talrijke hier ter stede wonende Friesche familiën kan het herinneringsfeest eene welkome aanleiding geven, zich te vereenigen tot het in eere houden van hare eigenaardige taal.’ De aksje hat yn de hôfstêd foarearst gjin súkses; de Haachse krite Rjucht en Sljucht wurdt krekt oprjochte yn 1899. Ek yn 1889 hie der al in oprop west yn de Haagsche Courant (4 febrewaris 1889): ‘Fryske Krîte. Schoon we reeds vele brieven ontvingen, roepen we nogmaals landgenooten op, die zich willen aansluiten bij onze “Friesche Vereeniging”. Namens de voorloopige Commissie: H.C. Dam, J. Dijkstra.’ Ut neat docht bliken dat de feriening yndie oprjochte is; yn de Haagsche Courant is der fierder gjin spoar fan te finen. Dizze skriuwer-heareboer út Marsum – lid fan Provinsjale Steaten – wurdt no ek de beskermhear fan de nije feriening yn Amsterdam dy’t as doel hat ‘in de hoofdstad de oude Friesche taal te beoefenen en in stand te houden door het houden van vergaderingen en het geven van tooneeluitvoeringen.’

Foarsitter is Jan Pieters de Vries. Dat is in Ljouwerter sigarekeapman, berne yn Terwispel, dy’t noch gjin jier yn Amsterdam wennet. Oft er Tsjeard Velstra persoanlik ken út syn tiid yn Ljouwert haw ik net fêststelle kind, mar leit wol foar de hân. In oare mei-oprjochter is de yn Wytmarsum berne bakker Jan van Kammen. Dy koe Velstra mooglik fan syn tiid yn Deinum. Beide sille in pear jier letter ek toanielstikken skriuwe.

Foar’t Velstra losgiet, komme der earst twa propaganda-optredens fan it Ljouwerter Toaniel Selskip – de earste kear dat it selskip yn de haadstêd optreedt – om de minsken waarm te meitsjen foar de nije Fryske krite. It inisjatyf dêrta sil yn namme útgongen wêze fan de Fryske studinteferiening F.R.I.S.I.A. De jûnen hawwe plak yn it hûs Vondel oan de Vondelstrjitte op 9 en 10 maart 1895, opfierd wurde Trou ef Untrou en Twa is in pear fan Velstra. Foarôf is de koarte ynhâld fan it earste stik al yn it Nederlânsk ferteld yn Het Nieuws van den Dag, mei de oprop derby om der foaral hinne te gean. Yn in grut stik yn De Telegraaf jout ‘D.’ in resinsje:

Er wonen verscheidene Friezen in Amsterdam. Er zijn buurten, waar men met zijn Friesch even goed terecht kan als met zijn Hollandsch.
Sommige Friezen hebben ook getracht zich aaneen te sluiten, doch of ’t ligt aan ’t kalme bloed der Friezen, of aan wat anders, – de vereenigingen, die gesticht werden, gingen dood, langzaam dood, zoodat er geen enkele vereeniging van Friezen meer bestond en al wat Fries was of meende te zijn, nergens een plaats vond, waar ze hun taal eens konden hooren.
Daarom moet het voor velen een uitkomst zijn geweest, dat het “Ljouwter Toanielselskip” hier twee avonden zou optreden. Wanneer men echter het aantal Friezen, dat in Amsterdam huist, afmat naar het aantal bezoekers dezer voorstellingen, zou men zich deerlijk vergissen. De zaal van het huis “Vondel” was lang niet zoo bezet, als men dat zou mogen hebben verwachten. (..) Over “Trouw of Ontrouw” als stuk zullen wij niet veel zeggen. Hier en daar is ’t “drakerig”.D., ‘In en om den Schouwburg. Het “Ljouwter Toanielselskip”’, De Telegraaf (11 maart 1895).

It begjin is mei oare wurden net maklik. De earste opfiering fan de Fryske Amsterdammers sels is op 24 maart 1895 yn de lytse seal fan Maison Stroucken; de stikken binne De twa ringen fan, alwer, Tsjeard Velstra en de klucht In moarntiid nei in priisútdieling fan Eliza Zwart. De entreepriis is leech, mar 25 sint. Efternei dounsje. De feriening hat yn dizze tiid 52 leden. In folgjende jûn is wer yn Stroucken, op 18 oktober 1896. Opfierd wurdt Sjouke de Fries of Riucht en Sliucht giet er mei fan Tsjeard Velstra. Beide grutte stikken fan Velstra binne bekroane troch it Frysk Selskip. Het Nieuws van den Dag memorearret dat de skriuwer Krist Frearks nei ôfrin fan Sjouke de Vries hulde brocht oan de feriening. ‘Hij eindigde met de volgende dichtregelen”:

Hwer ’k gean mei, hwer ik stean of rin,
Ja, mei ’k oan ’t eind der wrald ek sitte,
Mîn memmetael scil ’k like min
As ’t Frîske lând en ’t Frîske folk forjitte.‘Het tooneel’, Het Nieuws van den Dag (21 oktober 1896).

In hichtepunt is de jûn fan 27 desimber 1896, as de feriening Oebele Glûper fan Waling Dykstra opfiert:

’t Was zeer bijzonder. Onder het publiek velen in de Friesche kleeding, de gouden kap op. (..) Het zeer talrijk publiek genoot bijzonder, vooral als er echt Friesche, schilderachtige uitdrukkingen gezegd werden’.

Nei it skoft – mei muzyk ûnder lieding fan ‘den Fries, den Heer Scholten’ – waard it blijspul yn ien bedriuw In moai Wolkomthús fan Tsjibbe Gearts van der Meulen spile. Siktaris fan Velstra is Ype Hamming. Oebele Glûper befoel blykber sa goed dat Velstra it op 7 jannewaris 1900 wer in kear opfiert. In ynstjoerd bestjoersferslach sprekt fan ‘in moai frijsinnich stik’. De opkomst fan fjouwerhûndert man publyk foel de siktaris wat ôf!

Dan is der noch in inkeld berjocht oer de opfiering fan 11 april 1897, yn it hûs Stroucken, fan De âlde jas en Thomes en Tsiamke,Hessel van der Zee, De âlde jas. Blyspil în fiouer útkomsten (Telenga, Freantsjer 1866); ib., Thomes en Tsiamke ef de mislokte reis nei Noord-Amerika, yn: De Byekoer 1870). It stik wie earder dat jier yn Ljouwert spile troch de feriening Euphonia út Raard, wêrby’t – lykas wenst wie mei alle stikken fan Van der Zee – yn de krante net de namme fan de skriuwer fermeld waard, mar: ‘fan de skriuwer fan De âlde jas’. Van der Zee syn stikken, tige populêr yn de lêste desennia fan de njoggentjinde ieu, waarden troch Velstra lykwols oankundige as skreaun troch Waling Dykstra. Sjoch ek Wumkes yn it Nieuw Nederlandsch biographisch woordenboek fan 1933 en yn Paden fen Fryslân, dl. 2 út 1934. Wumkes kin Van der Zee net krekt thúsbringe en suggerearret dat dy syn toanielskriuwerij krekt begûn nei’t er út ’e finzenis wei by útjouwer Hingst op it Hearrenfean oan de slach rekke as lettersetter. De feiten binne oars. Hessel van der Zee waard berne yn 1842 yn Frjentsjer, as soan fan in goud- en sulversmid. Syn berop waard lettersetter, hy wurke mooglik earst by Telenga. Dêr sil Waling Dykstra, dy’t syn earste stik bewurke, him fan kend hawwe. Yn 1871 waard Van der Zee feroardiele ta seis moanne finzenis fanwege ‘diefstal’; doe hie er syn earste fiif toanielstikken al skreaun en publisearre. Dêrnei publisearre er by Hingst en Land op it Hearrenfean. Yn 1874 troude er mei Jantje Bolt, in widdofrou mei bern út Aengwirden. It pear krige noch Hesselina (1876), Hiltje (1878) en Pieter (1884). Ein santiger of begjin tachtiger jierren, yn alle gefallen nei de berte fan Hiltje en foar dy fan Pieter, fertrekke se nei De Haach, dêr’t syn frou yn 1901 en hy yn 1913 komt te ferstjerren. ‘beide stukken van den bekenden Frieschen novellist Waling Dijkstra’ (dat wie abuis, se binne skreaun troch Hessel van der Zee), en oer de jûn fan 7 novimber 1897, as ‘voor eene stampvolle zaal’ yn Stroucken’, it toanielstik It kisje mei geheimen, of âlde ljeafde roastet net fan Tsjeard Velstra foarbrocht wurdt. ‘De spelers oogstten meermalen den luiden bijval van het publiek.’ Op 17 april 1898 folget Trou ef Untrou fan Tsjeard Velstra, op 16 oktober De Skearbaes Dokter fan Waling Dykstra en Douwe Kûper’s earste Fryersaventûr fan foarsitter Jan van Kammen.

Dat de jûnen fan de toanielferiening in protte publyk lûke, blykt út in berjocht oer de opfiering, op 26 maart 1899 yn Stroucken, fan Smids Feikje of Rjuerdom’s Testemint, in stik fan Cornelis van der Weg: ‘út rom 500 Fryske kielen daveren de swietlûdige klanken fen ús ljeaflik “Frysk bloed, tsjoch op ens.” troch de greate seale.’F. Jaski, ‘Oanteikeningen’, Sljucht en Rjucht 3-13 (29 april 1899) 103. Cornelis van der Weg, Smids Feikje ef Ruerdom’s testemint. Oarspronkelik toanielstik yn fjouwer bidriuwen, mei in foarstik (Telenga, Frjentsjer 1885).

It lêste stik dat yn de njoggentjinde ieu troch Velstra opfierd wurdt, is De kaertlidster fen Grîtsebûrren, in toanielstik yn fjouwer bedriuwen, taskreaun oan Dykstra mar ek fan Hessel van der Zee, op 19 novimber 1899 yn seal d’Geelvink oan de Singel by de Munt. De jûn wie ‘met welwillende medewerking van de Friesche Zangvereeniging “Frisia”’en der wie omtinken foar de saak fan de Transvaalske Boeren:

De Transvalers werden dezen avond natuurlijk niet vergeten, onder het zingen door het koor van de Transvaalsche en Vrij-Staatsche volksliederen hielden de Friesche “famkes”, getooid met de Transvaalsche kleuren, een collecte voor het Roode Kruis, welke een kleine vijf-en-twintig gulden opbracht.‘Stadsnieuws’, Het Nieuws van den Dag (25 novimber 1899).

Yn desimber 1902 fierde de feriening syn achtste jierfeest. In inkelde kear dûkt in namme fan in bestjoerslid op yn ’e krante of Sljucht en Rjucht, dat gearkomsteferslaggen fan Fryske kriten publisearret. It lokaal De Pool oan it Damrak 43 is nei wenst de byienkomstseal fan it selskip. Utfieringen wurde meast hâlden yn de grutte toanielseal fan it hûs Bellevue (foarhinne Stroucken).

In nije feriening Friso

Yn ’e hjerst fan 1897 komt der in twadde Frysk toanielselskip om ’e hoeke sjen. De reden fan de oprjochting is net oerlevere, oars as dat de Halbertsma-betinking yn Grou dat jier in stimulâns west hawwe soe.‘Friezen te Amsterdam’, Leeuwarder Courant (24 jannewaris 1898). Dat it Halbertsma-feest oanlieding west hie ta de oprjochting, melde ek De Telegraaf (10 novimber 1897) en Het Nieuws van den Dag (11 novimber 1897). De nije feriening nimt de namme Friso oan en docht sadwaande tinken oan de earste toaniel- en gesellichheidsferiening fan 1884. De Telegraaf docht melding:

De onlangs te Amsterdam opgerichte vereeniging tot beoefening der Fryske tael in skriftenkennisse genaamd “Friso” zal in December a.s. eene tooneeluitvoering geven, waarvoor zich verschillende krachten beschikbaar hebben gesteld. De heer Jan Pz de Vries, wonende Da Costakade 98 aldaar, heeft op verzoek aan het bestuur van genoemde vereeniging afgestaan het manuscript van een door hem in de Fryske tael geschreven toanielstik yn 4 bidriuwen, getiteld “Falske Frjeunen”, welk stuk na deze opvoering in druk zal verschijnen. De vereeniging “Friso” heeft a.s. Zondagavond 8 uur wederom eene vergadering op de 2e bovenzaal van het café De Roode Leeuw, Vijgendam 22. Friezen, die belang stellen zich bij deze vereeniging aan te sluiten, kunnen zich aldaar bij het bestuur aanmelden‘Tooneel’, De Telegraaf (27 oktober 1897). Jan Pieters de Vries, Falske frjeunen. Toanielstik yn 4 bidriuwen (1897; net publisearre; hânskrift net bewarre bleaun).

Yn De Roode Leeuw wurde om de oare sneintejûn gearkomsten en foardrachten hâlden, is it doel. Ien fan de earste aktiviteiten fan Friso is in lêzing fan de Fryske skriuwer J.B. Schepers út Haarlem op 12 desimber oer ‘Fryze poezij’. Siktaris fan it selskip is, opfallend genôch, J.P. de Vries. Dy is dus oerstapt fan it troch himsels mei oprjochte Velstra nei Friso – en it earste dat de nije feriening docht is syn toanielstik opfiere. Friso fiert Falske frjeunen op yn it hûs Vondel op 16 jannewaris 1898. Twadde foarsitter F. van Dam docht it iepeningswurd:

De hear F. van Dam rôp de oanwêzige lânsljûe (er wieren mear as 100, hwerûnder ek de hear dr. Schepers út Haerlem) it wolkom ta, brocht nog’ris yn ’t sin, ho it Halbertsma-feest de stjit jown hie ta oprjuchtsjen fen it selskip en mei inkelde wirden mear, tsjûgjende fen waerme ljeafde for heitelân en memmetael, iepene hy de gearkomste.‘Friezen te Amsterdam’, Leeuwarder Courant (24 jannewaris 1898).

Falske frjeunen wurdt troch Friso op ’e nij opfierd yn febrewaris 1898 yn sosjeteit De Kroon te Haarlim, mei mar leafst 550 besikers. Dêr is dan krekt in pear moanne lyn in Frysk kriteselskip oprjochte, ûnder de namme Gysbert Japix, troch J.B. Schepers en Jan Jelles Hof. Priizge wurdt it ‘natuurlijk en vrij spel’ fan it achtjierrich dochterke fan Jan Pieters de Vries. It is dat jier in echt súksesstik. Op 13 maart 1898 wurdt it op ’e nij foar eigen publyk yn Amsterdam spile, wat in unikum is. ‘Na afloop van het vierde (laatste) bedrijf moest de schrijver zich wederom op het tooneel vertoonen, waar hij met een langdurig applaus begroet werd.’ Letter dat jier is der ek in minder goed besochte opfiering yn Ljouwert, op 5 novimber 1898 yn de Harmonie, mei muzyk fan de Skutterij. Fan J.B. Schepers wurdt in oanbefellingsbrief yn de Leeuwarder Courant ôfprinte:

Lânslju! It liket al hwat mâl, dat Amsterdammers to Ljouwert komme scille, om de Friezen yn har eigen tael ta to sprekken, mar mâl is ’t net, wol moai. Moai omdat it in bewiis is fen de taeijens fen de bân dy’t ús bynt: wy wirde dertroch altiten wer to bek lutsen nei us lântsje, hwer ek it lot us delkeilde.
En de Friezen dy ’t fen bûten by jimme komme, hja komme net mei lege hânnen ek. Earstens komme se mei in gled-nij stik, skreaun troch in bistjûrslid fen hjar selskip “Friso”, in stik dat allinne to Amsterdam en hjir by uzes fortoand is en tige foldien het, en dan komme ze dat stik mei eigen kreften spyljen en – goed spyljen ek, foar sa fier as ek der oer mei prate ken.‘Kunst’, Leeuwarder Courant (2 novimber 1898).

Op 29 jannewaris 1899 hâldt Friso wer in grutte toanieljûn yn it hûs Vondel. Op it programma stean leafst trije stikken: It kûrke mei geheimen, in blijspul yn ien bedriuw fan J.P. de Vries, De foksejacht, in blijspul mei sang yn ien bedriuw fan Tsjeard Velstra, en Solke mei de bargefuotsjes fan Waling Dykstra. De tagongspriis is 50 sint, leden 25 sint. Op 19 febrewaris fan dat jier lit de feriening dr. Foeke Buitenrust Hettema komme foar in lêzing yn De Roode Leeuw oer de skiednis fan de Friezen. Op 5 maart spilet it selskip dan noch Mâl út, mâl thús fan Tsjibbe Gearts van der Meulen en De útdragerswinkel fan Waling Dykstra.

Mar dan giet it wer mis. Yn maaie rekket Jan Pieters de Vries út de feriening en yn novimber 1899 rjochtet er (wer) in nij selskip op. It krijt de namme Sljucht en Rjucht en hat al op 3 desimber 1899 in opfiering mei De skinke of de skelm yn ’e knip en De mislokte útfenhuzerij. In ‘reporter’ fan it Eisma-blêd Sljucht en Rjucht is suver lyrysk oer it knappe spul, mar de nije siktaris fan Friso, Ype Hamming – dy’t twa jier earder mei De Vries oerstapte fan Velstra nei Friso – is furieus: ‘Alle selskippen wirde warskouwe om noait, noch as lid, noch as bistjûrder, oan to nimmen ús foarige Skriuwer J.Pz. de Vries, da Costakade 98, hjir’.

Dat it skeel heech oprint, kin ek bliken dwaan út it feit dat Cornelis Martens Koopal, keapman en reizgjend agint yn Fryslân en Amsterdam, in Biltse freon fan Waling Dykstra, mei-oprjochter fan it Frysk Selskip, en mei-oprjochter fan Friso, as bestjoerslid betanket. De Vries liket ek de stipe fan J.B. Schepers te hawwen, dy’t op syn fersyk syn twadde lêzing yn Amsterdam hâldt, yn desimber 1899 foar it selskip Sljucht en Rjucht – in lêzing dy’t ‘oan hjar namme in bulte goed dien hat’.

Syn twawyklikse byienkomsten hâldt Friso no ek wol yn it hûs Oost-Indië oan de ‘Keallestrjitte’ 2, lykas oars Sljucht en Rjucht fan doel is. De lêste opfiering fan Friso yn 1899 hat plak op 29 oktober as de blijspullen In hele tizeboel en it ferfryske Griet fen Nijehoarne op ’e planken brocht wurde foar sa’n trijehûndert man publyk.

Bij de opening van de bijeenkomst hield de voorzitter, de Heer B. Jonker, eene rede, waarin hij gedacht den toestand van vele onzer landgenooten in Transvaal o.a. Als gevolg daarvan werd in de pauze door een viertal leden der vereeniging eene collecte voor het Roode Kruis en de Zuid-Afrikaansche Republiek gehouden. Deze collecte bracht op f 23,28.’‘Wetenschap en Kunst’, Het Nieuws van den Dag (7 novimber 1899).

 

Oer fjirtjin dagen komt Diel 2. De toanielmasters.

 

Hjir is in oersjoch fan de spile stikken yn Amsterdam, 1885-1900, te finen.
Hjir stean de spyllisten fan ‘Harmonie’ fan Boazum en ‘Halbertsma’ fan Stiens, 1885-1900.

 

Noaten

  1. A. Feitsma, ‘Oanrin ta in Fryske literatuersosjology?’, Trotwaer 2 7/8 (1970) 2.
  2. Karbrief fen de foriening ‘Velstra’, oprjuchte to Amsterdam op 1 Decimber 1894 (Drukkerij Gelderschekade 51 F. Jaski, Amsterdam 1897). Sjoch ek ‘Forieniging Velstra to Amsterdam’, Sljucht en Rjucht 6-46 (13 desimber 1902): ‘De 14de fen de Wintermoanne sil ús selskip syn 8ste jierfeest hâlde yn ‘t hûs Belvidère op de Ruiterkade’.
  3. Suurenbroek en Schrover (2005) 992.
  4. Ib., 1002.
  5. Abe de Vries, ‘Twataligens op’e planken. Toaniel en taalbalâns yn Fryslân, 1870-1900’, Fers2 4-17 (4 novimber 2018). Webside: http://www.fers2.eu/twataligens-op-e-planken/. Krigen 17 novimber 2018.
  6. Suurenbroek en Schrover (2005) 998: ‘Frisians formed the third largest group of migrants. They were only outnumbered by migrants from the provinces that neighboured on Amsterdam. In 1899 it was estimated that the number of Frisians was 40,000 (Friesche Echo, 14 January 1899). This estimate may have been exaggerated. The number of Frisians was, however, certainly more than 20,000. Official counts are not available.’
  7. R.W. Canne, ‘Wiebren Duim’, It Heitelân 4-10 (11 maart 1922) 110-11.
  8. Sjoch ek ‘Vereeniging “Velstra”’, De Telegraaf (13 maart 1895): ‘De Friezen, die hier en daar verstrooid wonen, hadden vroeger plaatsen, waar zij bij elkaar konden komen. Vereenigingen van Friezen lieten Waling Dijkstra hier optreden, gaven gezellige avondjes, waarop Friesche tooneelstukken werden opgevoerd enz. Doch die vereenigingen zijn met den tijd van algemeene malaise dood gegaan en gestorven – ofschoon dat sterven niet gemakkelijk ging.’ Fan in Fryske studinteferiening yn Amsterdam, oprjochte yn 1881, is in reglemint bewarre bleaun (katalogus Tresoar): ‘Bipalingen fen it studinte-selskip F.R.I.S.I.A., oprjuchte to Amsterdam yn 1881 op ‘e 10e fen Slachtmoanne’, printe yn 1898 te Amsterdam by Schoonhof. Ek lettere Fryske studinteferieningen (Fryslân út 1894 en Natio Frysica fan 1898) bliuwe hjir bûten beskôging.
  9. Leeuwarder Courant (8 desimber 1884); Algemeen Handelsblad (9, 10 desimber1884; Het Nieuws van den Dag (20 desimber 1884)). Siktaris is de frijsinnige ds. J. Bruinwold Riedel te Waaksens, dy’t in berop docht ‘op alle Friezen en voorts op allen, die letterkunde, volksverlichting en beschaving op prijs stellen, om door daden te toonen, hoe hoog zij hunnen Waling Dijkstra schatten en hoe lief zij hem hebben’. Oare leden fan it komitee binne dr. L. Feenstra, E. Kooi, P. de Boer en R. Bleinsma, allegear út Holwert. Mei in iepen brief yn de Leeuwarder Courant (1 jannewaris 1885) set de Ljouwerter liberale politicus Jelle Troelstra (de heit fan Pieter Jelles Troelstra) him achter it doel fan it komitee.
  10. Nieuw Advertentieblad (21 jannewaris 1885).
  11. Adf. yn Het Nieuws van den Dag (15 jannewaris 1885). It optreden wurdt net neamd yn Sytse Jan van der Molen, ‘En ús Harke mei syn kleare kop’ (65 jier Frysk Winterjûnenocht) (Lykele Jansma, Stynsgea; Stifting FFYRUG, Grins 1984).
  12. ‘Kunst en letteren. Winteravondgenot’, Algemeen Handelsblad (20 jannewaris 1885). Wa’t dy foarsitter wie, wurdt spitigernôch net fermeld.
  13. Adf. Het Nieuws van den Dag (20 maart 1885). Waling Dykstra, De hele boel bitsjoend (Waling Dykstra, Holwert 1883). Ferslachje yn ‘Stadsnieuws’, Het Nieuws van den Dag (24 maart 1885).
  14. Justus van Maurik, Pakketten voor dames. Dramatische klucht in twee bedrijven (Scheltema & Holkema, Amsterdam 1880).
  15. Oebele Stellingwerf, Giet it sa? Toanielstik yn fiif útkomsten (Coöperative Handelsdrukkerij, Ljouwert 1881).
  16. Wierskynlik: Hans Christian Andersen, Niet of graag. Blijspel in één bedrijf voor rederijkers (Schuitemaker, Purmerend 1869). Oarspronklik út 1863. Bewurking fan En Nat i Roskilde fan Andersen, dy’t op syn bar it stik Une chambre à deux lits fan Vict. Varin en Louis Lefèvre bewurke.
  17. Waling Dykstra, Oebele Glûper. Blyspil yn fiif bedriuwen (Holwert 1875)] [Oare printingen Suringar, Ljouwert 1891; H. Kuipers, Ljouwert 1923]; Tsjeard Velstra, Ate jierdei. Blyspil mei sang yn ien bidriuw (Meijer & Schaafsma, Ljouwert 1885), ek ôfprinte yn de Friesche Volksalmanak 1885, 106-136; Ate Struiksma, Yn de froulju fortiisd. Blyspil yn ien útkomste (A.L. Land, Hearrenfean 1883). It Algemeen Handelsblad (8 febrewaris 1884) hie al earder in berjocht oer de populariteit ûnder Friezen fan it doe krekt ferskynde stik fan Struiksma; it wie ‘reeds op meer dan 25 plaatsen (..) opgevoerd’.
  18. ‘Stadsnieuws’, Het Nieuws van den Dag (8 desimber 1885). Ek hjir gjin melding fan de namme fan de foarsitter.
  19. ‘Stadsnieuws’, Het Nieuws van den Dag (15 desimber 1887). Bonne Sjoukes Hylkema, Ienfâld en Ljeafde (R.P. Zijlstra, De Jouwer 1886); Rudolf Kneisel, De gevolgen van een leugen. Blijspel in 4 bedrijven. Oers. fan Der liebe Onkel (Berlin, 1874; A. Kühlings Volks-Schaubühne Nr. 12).
  20. Adf. Het Nieuws van den Dag (23 oktober 1893).
  21. ‘Friesche taal en letterkunde’, Algemeen Handelsblad (7 septimber 1894). Ek yn De Haach komt der nei oanlieding fan it jubileum beweging. Yn de Haagsche Courant (11 septimber 1894) set A. Ferf in adfertinsje: ‘Friezen! Laten wij een blijk geven dat de Friesche taal bij ons in eere blijft, door als herinnering aan het gouden feest, in Den Haag eene afdeeling op te richten van bovengenoemd “Selskip”. “Frije Friezen hald’ jimm tael in aere!”.’ Yn deselde krante waard ek redaksjoneel omtinken frege foar de oprop: ‘Onder de advertentiën zal men een opwekking vinden tot oprichting van eene Haagsche afdeeling van het “Selskip for Fryske tael- en skriftenkennisse, ter gelegenheid van het gouden jubilé van dat gezelschap. Voor de talrijke hier ter stede wonende Friesche familiën kan het herinneringsfeest eene welkome aanleiding geven, zich te vereenigen tot het in eere houden van hare eigenaardige taal.’ De aksje hat yn de hôfstêd foarearst gjin súkses; de Haachse krite Rjucht en Sljucht wurdt krekt oprjochte yn 1899. Ek yn 1889 hie der al in oprop west yn de Haagsche Courant (4 febrewaris 1889): ‘Fryske Krîte. Schoon we reeds vele brieven ontvingen, roepen we nogmaals landgenooten op, die zich willen aansluiten bij onze “Friesche Vereeniging”. Namens de voorloopige Commissie: H.C. Dam, J. Dijkstra.’ Ut neat docht bliken dat de feriening yndie oprjochte is; yn de Haagsche Courant is der fierder gjin spoar fan te finen.
  22. D., ‘In en om den Schouwburg. Het “Ljouwter Toanielselskip”’, De Telegraaf (11 maart 1895).
  23. ‘Het tooneel’, Het Nieuws van den Dag (21 oktober 1896).
  24. Hessel van der Zee, De âlde jas. Blyspil în fiouer útkomsten (Telenga, Freantsjer 1866); ib., Thomes en Tsiamke ef de mislokte reis nei Noord-Amerika, yn: De Byekoer 1870). It stik wie earder dat jier yn Ljouwert spile troch de feriening Euphonia út Raard, wêrby’t – lykas wenst wie mei alle stikken fan Van der Zee – yn de krante net de namme fan de skriuwer fermeld waard, mar: ‘fan de skriuwer fan De âlde jas’. Van der Zee syn stikken, tige populêr yn de lêste desennia fan de njoggentjinde ieu, waarden troch Velstra lykwols oankundige as skreaun troch Waling Dykstra. Sjoch ek Wumkes yn it Nieuw Nederlandsch biographisch woordenboek fan 1933 en yn Paden fen Fryslân, dl. 2 út 1934. Wumkes kin Van der Zee net krekt thúsbringe en suggerearret dat dy syn toanielskriuwerij krekt begûn nei’t er út ’e finzenis wei by útjouwer Hingst op it Hearrenfean oan de slach rekke as lettersetter. De feiten binne oars. Hessel van der Zee waard berne yn 1842 yn Frjentsjer, as soan fan in goud- en sulversmid. Syn berop waard lettersetter, hy wurke mooglik earst by Telenga. Dêr sil Waling Dykstra, dy’t syn earste stik bewurke, him fan kend hawwe. Yn 1871 waard Van der Zee feroardiele ta seis moanne finzenis fanwege ‘diefstal’; doe hie er syn earste fiif toanielstikken al skreaun en publisearre. Dêrnei publisearre er by Hingst en Land op it Hearrenfean. Yn 1874 troude er mei Jantje Bolt, in widdofrou mei bern út Aengwirden. It pear krige noch Hesselina (1876), Hiltje (1878) en Pieter (1884). Ein santiger of begjin tachtiger jierren, yn alle gefallen nei de berte fan Hiltje en foar dy fan Pieter, fertrekke se nei De Haach, dêr’t syn frou yn 1901 en hy yn 1913 komt te ferstjerren.
  25. F. Jaski, ‘Oanteikeningen’, Sljucht en Rjucht 3-13 (29 april 1899) 103. Cornelis van der Weg, Smids Feikje ef Ruerdom’s testemint. Oarspronkelik toanielstik yn fjouwer bidriuwen, mei in foarstik (Telenga, Frjentsjer 1885).
  26. ‘Stadsnieuws’, Het Nieuws van den Dag (25 novimber 1899).
  27. ‘Friezen te Amsterdam’, Leeuwarder Courant (24 jannewaris 1898). Dat it Halbertsma-feest oanlieding west hie ta de oprjochting, melde ek De Telegraaf (10 novimber 1897) en Het Nieuws van den Dag (11 novimber 1897).
  28. ‘Tooneel’, De Telegraaf (27 oktober 1897). Jan Pieters de Vries, Falske frjeunen. Toanielstik yn 4 bidriuwen (1897; net publisearre; hânskrift net bewarre bleaun).
  29. ‘Friezen te Amsterdam’, Leeuwarder Courant (24 jannewaris 1898).
  30. ‘Kunst’, Leeuwarder Courant (2 novimber 1898).
  31. ‘Wetenschap en Kunst’, Het Nieuws van den Dag (7 novimber 1899).

Ut dit essee sitearje kin sa: De Vries, Abe. “‘Tsiere, haspelje, iggewearje’. It Fryske toaniellibben yn Amsterdam, 1885-1900. Diel 1. De ferieningen” Fers2. Abe de Vries & Friduwih Riemersma, 18 novimber 2018. Web. Dei moanne jier dat it essee krigen is.