image
‘Fryske Wittenskip 13’ (Yllustr. Friduwih Riemersma, 2016)

Unwittenskiplik en propagandistysk

Skoging fan De Friese identiteit volgens het Fries burgerpanel

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 2.9, 1 maaie 2016

It wie ein desimber 2015 net dreech om yn De Taalatlas 2015 fan de provinsje FryslânProvinsje Fryslân, De Fryske taalatlas 2015 <http://www.fryslan.frl/3414/fryske-taalatlas/files/[01]taalatlas 2015 frysk.pdf> [krigen 19 april 2016]; Friduwih Riemersma, ‘Taalatlas 2015’, Fers2, 21 desimber 2015 <http://fers2.eu/opiny2.2-taalatlas-fririemersma.html">. de grutte en systematyske flaters yn it garjen fan gegevens oan te wizen. It wie yn jannewaris 2016 net dreech om yn it foarpriuwke fan it net-foltôge ‘grutte taalûndersyk’ fan de Fryske AkademySjoch Fryske Akademy, ‘Taalsurvey yn Fryslân’, s.d. <https://www.fryske-akademy.nl/undersyk/sosjale-wittenskippen/taalsurvey-yn-fryslan/taal-yn-fryslan-de-folgjende-generaasje/> [krigen 19 april 2016]. ‘Bynt: Frysk taalkafee’, Omrop Fryslân, 21 jannewaris 2016 <http://www.omropfryslan.nl/utstjoering/bynt-fan-21-jannewaris-2016-1720> [krigen 19 april 2016]; Friduwih Riemersma, ‘Us taalbehearsking’, Fers2, 31 jannewaris 2016 <http://fers2.eu/opiny2.2-taal-fa-fririemersma.html>. de grutte en systematyske flaters yn it garjen fan gegevens oan te wizen. It wie begjin april net dreech om yn it rapport De Friese identiteit volgens het Fries burgerpanel fan it Fries Sociaal PlanbureauFries Sociaal Planbureau, De Friese identiteit volgens het Fries burgerpanel, maart-april 2016 <http://www.friessociaalplanbureau.nl/sites/default/files/field_dldbl_file/fsp_fbp_over_friese_identiteit-def_0.pdf> [krigen 5 april 2016]. de grutte en systematyske flaters yn it garjen fan gegevens oan te wizen. As it op in stuit dreger wurdt om de grutte en systematyske flaters yn it garjen fan gegevens oan te wizen yn ûndersyk dat útfierd is troch of yn opdracht fan de provinsje Fryslân, is dat gjin reden foar panyk. Dat soe nammentlik tsjutte op in him ûntjaand respekt foar de fûnemintele regel fan de sosjale statistyk: As in stekproef net folslein blyn út de ûndersykspopulaasje oanwiisd wurdt, is de útkomst altyd biased. It nimmen fan stekproeven wurdt biased neamd as it systematysk beskate útkomsten befoardielet boppe oare útkomsten. Bias ûnstiet faak by fersin, mar kin ek opsetlik wêze, bygelyks troch gjin war te dwaan om it tefoaren te kommen.

It ûndersyk nei de Fryske identiteit is in panelûndersyk. In panel is in groep minsken dy’t byinoar brocht is om in beskate saak út te plústerjen en deroer te redendielen en—inkeldris—te besluten. It Frysk boargerpanel dêr’t it Fries Sociaal Planbureau (FSP) mei wurket “bestaat uit een groep inwoners van Fryslân die haar ervaringen deelt en haar mening geeft over wat er speelt in de provincie.”Fries Sociaal Planbureau, ‘Fries burgerpanel’, s.d. <http://www.friessociaalplanbureau.nl/fries-burgerpanel> [krigen 19 april 2016]. Dy ynformaasje set it FSP, dat in ûnôfhinklik ûndersyksburo seit te wêzen, subsidiearre troch de provinsje Fryslân, net yn De Friese identiteit. Men moat der efkes om sykje en ek om: “Het Fries burgerpanel zorgt ervoor dat beleidsmakers, politici, overheden en de media snel goede en betrouwbare informatie krijgen over belangrijke, hedendaagse, sociale en maatschappelijke onderwerpen. Het [FSP] kan door de panelonderzoeken trends en ontwikkelingen binnen Fryslân in kaart brengen, analyseren en duiden.”Fries Sociaal Planbureau, ‘Fries burgerpanel’, s.d. <http://www.friessociaalplanbureau.nl/fries-burgerpanel> [krigen 19 april 2016]. Aha. Gjin gek idee om soks bûten de publikaasje te hâlden.

Research panels wurde in soad brûkt yn it merkûndersyk. Myn ûnderfining mei it ferskynsel is koart en krêftich. Notulearjen by in ûndersyksburo yn de Amsterdamse Lairessestrjitte, mei sweeslaggerich moarmer en mahoanje, betelle wol fyftich gûne it oere, oerute heech foar studintewurk. Ut in stikmannich lannen wie in konsuminteoardiel nedich foar in nije ferpakking, noch net op de merk, fan Pampers. Dêrfoar wie in all female ekspertpanel byinoar socht út de konsertgeboubuert, fan it type dat ienris of twaris it jier de au pair mei in pamper yn ’e hân betrapet en har dan ôffreget wêr’t sa’n ding foar tsjinnet, dus fier fan represintatyf foar de Hollânske mem. Mar as ien sa’n panellid kleit dat der gjin how to do op de pûde stiet, dan hat Pampers dêr wat oan. Wat fabrikanten wolle is net in dwerstrochsneed fan de ruftbrûkers mar in hege respons op fragelisten, dus yn it wylde wei potinsjele konsuminten belje helpt se net; se wolle in riker profyl fan de konsumint, dus haw ik detaillearre ferslach jûn fan de tsiiskefrettende, wyntsjeslobjende arrogânsje en ik hoegde net werom te kommen; en se wolle flugge ynsjoggen dy’t se moarn ymplemintearje kinne. Want sa wurket de merk. Mar de Fryske maatskippij is gjin pamper. Sosjaal belied is gjin merk.

It rapport De Friese identiteit—troch it Fers2-panel neist de bekende grienblauwe Pampers-flyer mei frisse kleurkes holden en beoardiele mei “snoad plagiaat”—is in folder fan tsien siden útfierd yn azuerblau mei frisse kleurkes, it jonkjessymboal yn ljochtblau en it famkessymboal yn rôze, lykas Pampers docht. Op it plak dêr’t jo wûn binne dat stiet “Om’t baby’s spesjale mominten net bedoarn wurde moatte troch wietichheid” stiet “1.644 respondenten – 72% respons”, wat op itselde delkomt: leaver gjin ûngemakjes. Mar ferskillen binne der ek.

Begryplikheid jout it grutste ferskil te sjen. Dêr’t Pampers folslein dúdlik is oer de oanlieding—poppe moat de hiele nacht oerbrêgje mei ien ruft—en de fraachstelling, dêr’t dan de yndieling yn in poppetypology út fuortkomt—nije poppe, aktive poppe, gewoane poppe ensafuorthinne—dêr is it FSP sa dizich dat jo net oan it tinkbyld ûntsnappe kinne dat se it derom dien ha. De oanlieding ta it ûndersyk soe wêze dat keninginne Máxima yn 2007 sei dat de Nederlânske identiteit net bestiet. Dat wie njoggen jier lyn, dus wêrom no krekt in ûndersyk en trouwens: so what? Likegoed is de fraachstelling oft minsken dy’t yn Fryslân wenje har (ek sterk) ferbûn fiele mei har eigen regio.

Betrouberens no. Mei de Pamperflyer sit it wol goed. It advys is ûnder mear om lytse popkes gjin megapamper te jaan. Yn De Friese identiteit is it antwurd op de fraach nei de bining fan Friezen mei Fryslân: “De Friese identiteit bestaat.” En hoe witte wy dat: “Bijna driekwart van het panel geeft aan dat die identiteit bestaat.” Hoewol’t it FSP konsekwint úthâldt dat sa en safolle persint “van de panelleden” in beskate opiny hat, dêr’t út bliken docht dat de ûndersikers wiswol yn ’t snotsje ha dat wat it panel fynt net generali­searber is nei alle Friezen, suggerearje de konklúzjes dat dy net allinne in byld fan it algemiene Fryske tinken jouwe, mar sels in byld fan de realiteit. Sa’n 1200 minsken, dêr’t wy net fan witte wa’t dat binne en wat harren omstannichheden wiene, sizze dat de Fryske identiteit bestiet, ergo, it is sa. Sa soarget it FSP derfoar dat beliedsmakkers en oerheden fluch goede en betroubere ynfo krije.

Dan de akkuratens. De typology is by Pampers werkenber, it binne stereotype popkes. De Friese identiteit yntrodusearret de ‘grutske Fries’, ‘bescheiden Fries’ en ‘Nederlandse Fries’. Dat binne neatsizzende kategoryen; grutske en beskieden Friezen binne ek Nederlânske Friezen, om’t it ûndersyk oer de provinsje Fryslân giet en net bygelyks oer Sealterlân. Dêrneist meitsje fraachstelling en omskriuwing fan de typen sa dúdlik mooglik, mar it rapport is sa’t wy seine fier fan klear, dat dy de sterkte fan de emosjonele bining mei de eigen regio wjerspegelje, in konstrukt dat se Nationalstolz neame, fan de yndividu, as in permaninte eigenskip. Der is wol besocht om de krêft fan yndividuele nasjonale identiteit te mjitten, troch de respondinten sels in ynskatting meitsje te litten (self-report; djipte-ynterview), mar de patroanen fan nasjonale identifikaasje binne, benammen op yndividueel nivo, te kompleks om wat te sizzen. Untrêstigjend is dat it ûndersykjen fan Nationalstolz as karaktertrek om 1848 hinne noch dien waard, mar dêrnei net mear om’t it ûnwittenskiplik en propagandistysk fûn waard.J. Christopher Cohrs, Daniela Dimitrova, Tonya Kalchevska, Sandra Kleinke, Iva Tomova, Mariya Vasileva, en Barbara Moschner, ‘Ist patriotischer Nationalstolz wünschenswert? Eine differenzierte Analyse seiner psychologischen Bedeutung’, Zeitschrift für Sozialpsychologie 35 (2004) 201-215. Dizze study fan Cohrs et al. wiist de komponinten oan dêr't patriottisme en Nationalstolz út bestean en lit sjen dat dy komponinten sosjale fariabelen binne, dy’t nei foaren komme as (wikseljende) attitudes fan yndividuen, net as fêste karaktertrekken. Cohrs et al. lizze der de klam op dat it net Nationalstolz per se is mar de identifikaasje mei demokrasy, sosjale wissens en politike partisipaasje (yn Dútslân) dy’t etnosintrisme en ksenofoby ferminderet, mei oare wurden, dy’t in ynklusive foarm fan ienigens fuortsterket. Nei it súksesfolle ferset fan de bewenners tsjin it asylsikerssintrum yn Wytmarsum, april 2016, is it oan te rekommandearjen om by dy útkomst stil te stean.

Relevantens. In grut part fan it ûndersyk giet oer de “ûnderdielen fan de Fryske identiteit”, dy’t it FSP yndielt yn gefoel (fan bining), persoanlikheid (grutskens: Nationalstolz) en gedrach. Dat gedrach is Frysk prate; mar de Fryske taal soe ek (nei de 11-stêdetocht en it lânskip) in boarne wêze fan Fryske identiteit. Dat it FSP identiteit net ûnderskiedt fan de ûnderfining en utering fan dy identiteit (i.e. identifikaasje) is betiizjend en it FSP seit gau: “De Friese taal komt later in deze publicatie aan bod.” Dat sille wy witte ek. De eigen taalbehearsking en it deistich taalgebûk fan de panelleden wurdt wiidweidich behannele en oanskôglik makke mei fleurige plaatsjes. Dan komme oan bar har opinys oer it belang fan taalbehearsking foar identiteit—dat troch it panel as tige grut skat wurdt—en oer Frysk ûnderwiis, taalbelied en media. Ofsletten wurdt mei de konklúzje dat der “Niet één Friese identiteit” bestiet—dat is dus itselde as wat Máxima njoggen jier lyn sei oer Nederlân. Nederlân is der ûnderwilens net sosjaal waarmer of kâlder fan wurden. Dus it belang fan it hiele ‘ûndersyk’ is nihil.

Heuristyk. It bliuwt net by dit nonûndersyk, mei in nonfraach en in nonpanel dat njonken it pamperpanel út myn studintetiid de oantsjutting nonpanel net fertsjinnet. Want it FSP kundiget oan dat syn nije ûndersyksfraach is: “[H]oe ‘iepen’ is de ‘mienskip’ om je als nieuwkomer ook daadwerkelijk Fries te kunnen voelen?” Mar hee, FSP, boargerpanelleden, provinsje Fryslân, gemeente Ljouwert en oare partners yn dit ûndersyk! Is it Frysk-fielen, wat dat ek wêze mei, net krekt stap twa, of trije, of feitlik fan futyl belang neist de needsaak dat de nijkommers in dak boppe de holle krije? Ha jo net meikrigen hoe’t de bewenners fan Fryslân krektlyn de opfang fan flechtlingen keard ha?Jan-Peter Soenveld, ‘Verzet wint: azc Witmarsum afgeketst’, Friesch Dagblad, 19 april 2016, 1. Ha jo, mei jo reedlike taalbehearsking, net lêze kinnen hoe’t de pleatsing fan asylsikers mar net avensearret yn Fryslân om’t oerheden it net heech op de prioriteitelist ha?Kommissaris fan de Kening yn de provinsje Fryslân, Kabinet, Brief oan de gemeenterieden en kolleezjes fan boargemaster en wethâlders fan de gemeenten yn Fryslân, Ljouwert, 1 febrewaris 2016, merkteken KAB 01282723, Underwerp: opvang en huisvesting vluchtelingen <www.fryslan.frl> [krigen 19 april 2016]. “Tegelijkertijd stellen we vast dat er nog een aanzienlijk verschil zit tussen wat er gerealiseerd of in ontwikkeling is en hetgeen nodig is. Dat stelt ons allen voor een belangrijke uitdaging.” Hoe sletten, ôfstompt, ûnminsklik neargeastich moat in ‘mienskip’ wol net wêze om minsken dy’t op de flecht foar ûnderdrukking en groulik geweld alles efterlitte moasten, hjir in bêd en in panne iten te wegerjen?

Hoe ûnferskillich, net ynteressearre en net belutsen by syn eigen ûndersyksobjekt, “de nieuwkomer”, is in ûndersyksburo wol net as it presys, ja uterst sekuer, de ferkearde fragen stelt?

Noaten

  1. Provinsje Fryslân, De Fryske taalatlas 2015 <http://www.fryslan.frl/3414/fryske-taalatlas/files/[01]taalatlas 2015 frysk.pdf> [krigen 19 april 2016]; Friduwih Riemersma, ‘Taalatlas 2015’, Fers2, 21 desimber 2015 <http://fers2.eu/opiny2.2-taalatlas-fririemersma.html">.
  2. Sjoch Fryske Akademy, ‘Taalsurvey yn Fryslân’, s.d. <https://www.fryske-akademy.nl/undersyk/sosjale-wittenskippen/taalsurvey-yn-fryslan/taal-yn-fryslan-de-folgjende-generaasje/> [krigen 19 april 2016]. ‘Bynt: Frysk taalkafee’, Omrop Fryslân, 21 jannewaris 2016 <http://www.omropfryslan.nl/utstjoering/bynt-fan-21-jannewaris-2016-1720> [krigen 19 april 2016]; Friduwih Riemersma, ‘Us taalbehearsking’, Fers2, 31 jannewaris 2016 <http://fers2.eu/opiny2.2-taal-fa-fririemersma.html>.
  3. Fries Sociaal Planbureau, De Friese identiteit volgens het Fries burgerpanel, maart-april 2016 <http://www.friessociaalplanbureau.nl/sites/default/files/field_dldbl_file/fsp_fbp_over_friese_identiteit-def_0.pdf> [krigen 5 april 2016].
  4. Fries Sociaal Planbureau, ‘Fries burgerpanel’, s.d. <http://www.friessociaalplanbureau.nl/fries-burgerpanel> [krigen 19 april 2016].
  5. Fries Sociaal Planbureau, ‘Fries burgerpanel’, s.d. <http://www.friessociaalplanbureau.nl/fries-burgerpanel> [krigen 19 april 2016].
  6. J. Christopher Cohrs, Daniela Dimitrova, Tonya Kalchevska, Sandra Kleinke, Iva Tomova, Mariya Vasileva, en Barbara Moschner, ‘Ist patriotischer Nationalstolz wünschenswert? Eine differenzierte Analyse seiner psychologischen Bedeutung’, Zeitschrift für Sozialpsychologie 35 (2004) 201-215. Dizze study fan Cohrs et al. wiist de komponinten oan dêr't patriottisme en Nationalstolz út bestean en lit sjen dat dy komponinten sosjale fariabelen binne, dy’t nei foaren komme as (wikseljende) attitudes fan yndividuen, net as fêste karaktertrekken. Cohrs et al. lizze der de klam op dat it net Nationalstolz per se is mar de identifikaasje mei demokrasy, sosjale wissens en politike partisipaasje (yn Dútslân) dy’t etnosintrisme en ksenofoby ferminderet, mei oare wurden, dy’t in ynklusive foarm fan ienigens fuortsterket. Nei it súksesfolle ferset fan de bewenners tsjin it asylsikerssintrum yn Wytmarsum, april 2016, is it oan te rekommandearjen om by dy útkomst stil te stean.
  7. Jan-Peter Soenveld, ‘Verzet wint: azc Witmarsum afgeketst’, Friesch Dagblad, 19 april 2016, 1.
  8. Kommissaris fan de Kening yn de provinsje Fryslân, Kabinet, Brief oan de gemeenterieden en kolleezjes fan boargemaster en wethâlders fan de gemeenten yn Fryslân, Ljouwert, 1 febrewaris 2016, merkteken KAB 01282723, Underwerp: opvang en huisvesting vluchtelingen <www.fryslan.frl> [krigen 19 april 2016]. “Tegelijkertijd stellen we vast dat er nog een aanzienlijk verschil zit tussen wat er gerealiseerd of in ontwikkeling is en hetgeen nodig is. Dat stelt ons allen voor een belangrijke uitdaging.”

Mear fan Friduwih Riemersma

In tradysje fan ‘It kin sa wol’ De ynfloed fan digitaliteit fan literêre tydskriften op de Fryske literatuer
Utopyske Leafde Hoewol’t de kwestje fan de ideale leafde foar it grutste part it domein is fan de dichters beslacht it ek it wurkgebiet fan filosofen.
Wat is der mis mei it logo fan Valletta? It liket net op in pompeblêd.
Diaspora fan minsklik kapitaal It oeuvre fan Sjieuwe Borger spilet hieltyd yn it heechoplate miljeu. It aktive engaazjemint mei oplieding is dêr leech.
‘Charlie Hebdo’: Kronyk fan in diskusje
Belofteparadoks: Fers2 yn 2016
“Wy binne it hert” Ynienen like it wer in issue: de ynstitúsjonalisearring fan Fryslân.
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15