image de normale fries

Proaza

De normale Fries

Aggie van der Meer - Fers2 nû. 3.20, 10 desimber 2017

Jûns hie se Jui belle. Jui wie har suster dy’t as bern Joke hjitten hie, mar no dus as Jui oansprutsen wurde woe. Flot wol en passend. Oft der wat wie, sei Jui.

Moast der wat wêze?

‘Ja, asto om dis tiid bellest,’ sei Jui, ‘en mei sa’n stim…’

‘Mei hokker stim?’

‘En mei sa’n stim, Trynke, dan bin ik der yn alle gefallen wis fan datst net de priis wûn hast foar ‘It Moaiste Gehiel’. Dus, wat wie der.’

Oft se Marcellus as in normale Fries seach.

‘God bewarje ús,’ sei Jui. Jui hie it trouwens om mear as ien reden no earst wol even hân mei al dat normale. Boppedat wie it Jui opfâllen dat it tema normale minsken allinnich manlju blykt te beflappen. Net dat dat it der minder op makket.’

‘Ik hear Marcellus al as ik him sis dat wy der achter kommen binne dat froulju bûten alle kaders falle.’

‘As hy dan, mei de skiednis achter him, op ’e tromme slacht, dy om omtinken freget foar it oerwicht fan de manlike bydrage oan sawat alle ûntjouwingen yn ’e wrâld… seisto trouwens

Wij’…?’

’Is it ek al ferkeard as ik dy net allinnich op dyn iensume hichte mei al dyn ferljochte ideeën stean lit?’

‘Oké, ik sei, as hy op syn manlike tromme slacht, jou him dan gelyk, Trynke, sis dan, lit ús it der ris oer ha, buorman, wat jim allegearre klear makke ha…’

‘Hiesto Jui, hienen se it dy frege om by it ferboude Princessehof op it plak dêr’t se wat grutte beammen kapt ha, in skattich breablomke te plantsjen, op ’e knibbels, mei de fotograaf fan de krante derby?

*

Nee? Fan syn libbensdagen net? Goed, mar boargemaster Crone, op en top man, die it al. As se dat no graach woenen. Miskien hie er it sels dien as er it ûnferjoulik fûn fan dy beammen.

‘Boargemaster Crone moat syn punten helje. Dat, ja, je moatte der wat foar oer ha. Marcellus is Marcellus, dy hie it net dien,’ sei Jui. ‘Dat moat ik him nei jaan.’

Trynke hie der in ein oan makke. Se belle wol wer. Se wist it doe’t se de spegel der by helle: gjin ‘priis foar it moaiste gehiel’.

*

Yn ’e gong lei in briefke: Yn ’e krante fan hjoed nijsgjirrige ynformaasje oer ‘stille revolúsjes’. Lokket in petear út oer nut en gefaar,

    Marcellus.

*

Be my guest, sei Trynke.

Stille revolutie in golfkarton

Aggie van der Meer - Fers2 nû. 4.1, 14 jannewaris 2018

image de normale fries

Se hie it sjoen, ja. In moaie kop boppe in royale heale side yn ’e Ljouwerter ûntkomt je net gau: “Stille revolutie in golfkarton”. Jui hie har oanrieden it stik nei Jehannes en Beth yn Californie te stjoeren. Fan dat soarte berjochten wurdt foaral Jehannes altyd in bytsje ûnwennich. Grappich fynt Jui dat.

‘Se ha fansels ien,’ sei Trynke, ‘foar dat soart koppen.’

‘Om nije abonnees te lokjen.’

‘Of om in pear âlde werom te heljen. Dy’t har no ôffreegje wat se noch mear mist ha, of dy’t Piet Stilma fan ’e doazefabryk út it Hearenfean noch kenne út ’e jierren fan “in doas is in doas” en him earder noait op in effisjensjeslach nei duorsumens attrapearre ha, lit stean op ferlet fan revolúsjes.’

‘Wat my by de fraach bringt oft in Fries mei oanstriid nei révolúsjes in normale Fries is of in ôfwikende, sis mar in regelmijdende Fries.’

‘Ho,’ sei buorman, ‘dit, Trynke, binne daliks al trije fragen dy’t it ek nochis alle trije wer moai wat oare oproppe. En dan hawwe we it oer it ‘stille’ dat de revolúsje dochs syn eigen sjarme jout, noch net iets hân.’

Fansels. Dêr gienen se even foar sitten. Trynke hie in fles wyn stean dêr’t sy en harsuster ien lyts gleske út dronken hiene. ‘Be my guest.’ sei se tsjin buorman, dy’t minstens acht frjemde talen heal en heal machtich wie en sawol fan Trynke as fan drank hâlde, alles yn it fatsoenlike dan. Genôch foar yn alle gefallen in Fries dy’t, wêr ek yn ’e wrâld, menear bliuwt. Normaal of net. Mar op ’e goede mominten wol wat mankelikich wurde kin fansels.

‘Okay,’ sei buorman, dy’t him by it twadde glês al gau as Marcellus oansprekke lit, ‘mar net elke Fries dy’t wyn drinkt is normaal, al is der wol wat dat der foar pleit om elke normale Fries in leafhawwer te neamen.’

Dat betwifele Trynke. ‘Stel jo je, Marcellus, dy Jongerius no ris foar. Op jierdeis en jûnen. Hawwe jo him dan wat oars ynnimmen sjoen as fan ’e Weduwe?.’

‘Net oars as fan ’e Weduwe,’ sei buorman, ‘dat kin wier wêze, mar dat docht er om net út ‘e toan te fâllen.’

‘In normale Fries fâlt net út ’e toan?’

‘Blinder,’ sei buorman. ‘Dêr sizze jo wat. Lit ús it even by Jongerius hâlde mei syn oerdúdlike eagst om út ’e toan te fallen en set him dan ôf tsjin Piet Stilma fan ’e stille revolúsje dy’t der tritich jier oer die om syn revolúsje ta te rieden.’

‘En der doe noch oer ferstuivere wie dat in doas net langer samar in doas hoegde te wêzen.’ ‘Kenne wy Piet Stilma?’ sei Trynke.

‘Nee, mar wyls wol in omkesizzer. Dy’t neffens myn boarnen op him liket as wie it syn soan. Selde laach, selde koppen, fan achteren sjoen selde wize fan rinnen,’ sei buorman. ‘Guon helje se troch inoar.’

‘Ja, en?’

‘Sko ik dy twa no oer inoar, Trynke, de stinner Jongerius en de wifeler Stilma. Beide net min, beide op fêste koers. Betrouber. As it oan alle kanten lije kin. It hjir en dêr by ophâlde kin. De earste lin foar in skets, tink ik, fan ús Normale Fries. In rêstige Fries, as it derop oan komt ree om te skikken, of it lyts stapke de ljedder op te gean. No? Liket it wat Trynke, fansels no earst net mear as in kryttekening op in laai, mar it giet wol om in man yn alle gefallen. In man. Ik jou it ta, dat ik sa gau net op wat oars as in real man kom.’

‘Dan stel ik foar, Marcellus, dat wy by it begjin begjinne. Om de helte fan alle Friezen bûten ús ûndersyk te hâlden, is it ûnwittenskiplik en, doar ik te sizzen, in got spé.’

‘In got spé.’ Buorman sloech yn ien slok it heale glês wyn nei binnen.

‘Jou my ín pear wike de tiid, Trynke,’ sei buorman, dimmener as se beide ferwachte koenen. ‘Do hast gelyk, it is net te ferdigenjen om de helte fan ús folk der bûten te hâlden. Dat wreekt him ier of let.’

‘Be my guest,’ sei Trynke. Dat Jui de froulju krekt út ’e arena hâlde woe, sei se net. Dat makke alles alinnich mar spannender.

In Spesifike man

Aggie van der Meer - Fers2 nû. 4.3, 11 febrewaris 2018

image aggie van der meer

Hie ik de foto sjoen fan dy man dy’t himsels by de kiel griep?

‘Ja,’ sei ik, ‘Oansteller. Sa’n ien, neat te rêden, gjin malheur, mar hoe in moai dramatysk, smachtend, roppend-om-help-mei-ynbeprepen-beleaning-byld te krijen? Earst even foar de spegel, it resultaat besjen, dan dochs noch even in lyts strikje om ‘e nekke, moai, dan wer dy hân, no op dat strikje en ja hear, lit dan dy fotograaf marris sjen litte wat er klear krije kin. Sa.’

‘Jo hawwe dy man wol bestudearre,’ sei buorman wurdearjend.

‘As dêr reden foar is,’ sei ik, ‘en de gelegenheid biedt him oan, mei ik graach even mei sa’n man dwaande wêze.’

‘Net om…?’ sei Marcellus

‘Nee, net om……Trouwens……wat bedoele jo mei ‘Net om’’?

‘No witstwol…’ sei Marcellus.

‘O, dat. Hinget der fan ôf.’

Dat hie buorman al tocht. ‘Mar no werom nei dy spesifike man mei mei dy hân oan ’e kiel.’

‘Yn gien gefal in Normale Fries.’

Buorman syn idee.

‘Jui en ik,’ sei ik, ‘hawwe it ek even oer dy spesifike man hân. Jui sei, soe sa’n man yn it echt ek in normale frou ha kinne. Dêr binne wy doe even oer te set gien.’

‘En?’ sei Marcelles.

‘De earste fraach soe net wêze, oft se it rêde koe, mar oft se it oandoarde deroan te begjinnen.’

‘En?’ sei Marcellus

‘Guon,’ sei Jui daliks. ‘Wat al oan jout, Marcelles, dat Normale Friese Froulju net ûnder ien

kategory te beflappen binne. Jui hie graach sa’n spesifike man ûnder hannen nimme wollen. Wat wy ôfpraat ha, Marcelles, is dat Jui en ik beide betinke hoe’t wy beide, sy yn it gelokkige besit fan in man en ik as frou allinne…… Oan no ta dan.’

Buorman seach der al nei út. En soe hy sizze meie wat hy fûn fan froulju as Jui en Trynke as hy him ynbylde sa’n spesifike man te wêzen, mar dan net ien wêr’t se letter it stânbyld fan wer omseagje wolle. Sa’n man koe er net oan, sei buorman.

Dat brocht my aldergeloks op Jehannes dy’t fan Californië út mei in groep manlju nei Sina west hat. ‘Alles moai en goed. En wat net goed is dêr sille se noch wat oan dwaan. Se hawwe ek by Mao lâns west. Ferjûn en ferjitten dat er sa’n sân miljoen Sinezen nei de ivige jachtfjilden stjoerd hat. Ek de nije baas, Li, hat Mao as rêchdekking nedich. Mao bliuwt har grutte foartrekken, har hillige. Se witte dêr allegear wat Mao dêr dien en litten hat, mar allinnich it gehiel telt. Oan de optelsom hoecht net twifele te wurden. Foar de wissichheid lit Li fierder net alles oan de neitins oan Mao oer. Hy ha syn “Gedachtegoed” opskreaun en dat is no foargoed ûnderbrocht by de dokuminten fan De Kommunistyske Partij Sjina. Jehannes hat ek noch even by Mao lâns west. Neffens de foarskriften: yn ’e rij, pet ôf, gjin hannen op ’e rêch, mar strak by it liif lâns, Mao net oansjen en net by him stean bliuwe. Do kinst gjin stap fersette sûnder dat der ien op tasjocht.

Beth wit net oft se no ek noch sil. Amearika hin.’

‘Hoesa Amearika,’ sei buorman.

‘Sille se dêr net altyd wat?’

Lit it mar even gewurde

Aggie van der Meer - Fers2 nû. 4.4, 25 febrewaris 2018

image aggie van der meer

Oft sy noch wat heard hie oer dat byld fan dy frou fan Eja Siepman van den Berg dy’t se yn ’t Hearrenfean út in parkje stellen ha? De stilte rûnom it bretale fergryp stiet buorman net oan.

‘Ik haw it der fansels mei Jui oer hân,’ sei se, ‘en dat brocht Jui op in idee. Dêr’t se trouwens net iens sa gelokkich mei wie.’ Dat dy mefrou Van den Berg der, alteast neffens de krante, net iens sa lilk oer wie, fûn Jui wat flau. It hie har bêste wurk net west, hie se sein. Abah. Ek noch it iennige byld mei in frou yn har gehiel. As regel beheinde frou Van den Berg har ta it meitsjen fan in heale frou. Gewoan kin it ek net wêze. De krante hie it foar de wissichheid dêr ek mar by litten. Hoe dan ek, hie Jui sein, hie ien him yn Fryslân drok makke oer it ferlies fan in keunstwurk? Him of Har? Sels yn Brabân, dêr’t alles mis giet, hienen se in stille tocht hâlden of in syktocht op tou setten, dy’t dan wol wer te stomp rûn, mar dochs. Dat wie it wat Jui no net befalt: dat sleauwe hjir. Wie ik it net met Jui iens dat sawol manlju as froulju der by ús mank oan gean? Earst even blaze, fan alles sizze, betinke wat se eins dwaan moasten as kultuerleafhawwers, okay, mar foardat der in foet fersetten waard, is de gedachte oan in knappe rel dy’t de media hellet, al in stille dea stoarn: se soenen harsels net bespotlik meitsje. Dit, sei Jui, bin ik bang, dat der útkypt as wy it ha oer de Normale Fries, man en frou: se litte alles gewurde, útsein as it om har eigen skuttinkje giet, of as de kassa-oanbieding útferkocht is.

Dat de konstatearre sleauwens buorman fernuvere, nee, dat Jui tajoech dat it dêrby ek om froulju gie, ja.

‘Wat tinke jo Trynke, soe dy sleauwens ek in komponint ha kinne fan lit-it-mar even- gewurde? Hat Stilma der ek net tritich jier oer dien, it plan tritich jier gewurde litten, foardat er mei syn stille-revolúsje-yn-golfkarton de dyk op doarde?’

‘En hat mefrou Poepjes har der al by dellein dat sy yn dit libben net ien al hearre sil oer de seine fan de dyk nei Dokkum? Hat sy der net alles oan dien om ús dy dyk op te krijen? Hat sy ús net in kursus oanbean mei in praktyk- en in theoretysk diel, fergees ek noch, neidat in âlde man, dy’t him der op weage hie, noait te plak kommen wie? Gjin kâns hie se lizze litten. Utsein it meigean yn it oanlizzen fan de dyk is mefrou Poepjes net wat te ferwiten.’

‘De gewoane Fries, tinke wy dus, komt pas ta syn rjocht by âlde deiliskippen, dy’t út en troch mei nije moed de kop wer opstekke. Of by de oantinkens oan de singeliere wurden fan oerpake, dy’t har jildichheid alle dagen wer bewize.’

‘Of dy fan oerbeppe.’

‘Of dy fan oerbeppe, ja.’

‘Dogge wy no de normale Fries net tekoart,’ seit Buorman, ‘ferjitte wy net, Trynke, om de basis ûnder ús petear te lizzen? De kombinaasje fan gewurde litte en bedachtsumens, dy’t, dat jou ik ta, yn einleaze wikkery ûntaardzje kin, mar fan in oare kant soms taslacht foardat sels in hollander der fan witten hat. Nim no Kornelis Burgman út Kleasterbuorren dy’t yn 1846 in izeren flaai út Amearika de saneamde Arendsploech, de Eagleflow oerkomme liet. Wol neidat Kornelis der earst noch hinne west hat om dernei te sjen. De hiele aksje hat yn dy tiid in sensjaasje west.’

‘Ha se it der doe yn Hollân oer hân?’

‘Dêr sizze jo wat, Trynke, hoe sit it mei ús kranten. Mei har plicht ta neisoarch. Nei ús ta. Wa wit is it byld fan frou Van den Berg allang wer te plak. It hie in grap west bygelyks. Mar ha se ús dêroer even gerêststeld? Nee. Wat bygelyks hat it ‘Eendenvoer-meldpunt’ oan berjochten opsmiten? Wie it belang fan sa’n meldpunt earder by ús opkommen? Nee? Binne wy der no op attendearre? Ja. Hawwe wy no dan gjin rjocht op in artikeltsje oer de resultaten?’

‘En, Marcellus, witte wy oft dy bocht dy’t lêstendeis, ferkeardom lein wie wer te plak skood is?’

‘Nee, en eins is dat ek wol begryplik. In tear punt. Echt goed yn bochten binne wy net. Rjochtút, rjochtoan dat giet der noch altyd mei, Trynke.’

‘Dat sil Jui, wol wer in bewys fan ús sleauwens, fine.’

‘Dat hearre we dan wol wer,’ sei Marcellus.

Kontaktmomint

Aggie van der Meer - Fers2 nû. 4.5, 11 maart 2018

image aggie van der meer

Jui is fan betinken dat de Normale Friezen tinke dat se frij binne, wyls se bang is dat dat ferbylding is. Se ha der in hekel oan om der gedoch mei te krijen, seit Jui. Mei dy frijheid.’

‘En Trynke, wat ha jo dêrop sein?’ Buorman sit al yn ’e startblokken. ‘We nimme der even in stikje koeke by.’

Trynke hie sein dat Jui no wat te koart troch de bocht gie. ‘Mar, ja, Jui hin.’

‘Jui ha we faker heard. Mar se set de boel wol altyd moai op skerp.’

‘Jui sei, freegje Marcellus foaral wêr’t er op gokt, sil er it oer syn eigen frij wêze ha.’

‘Soa,’ seit buorman en nimt noch in heal stikje koeke, ‘en wat seit Jui as ik dêr gjin antwurd op jou?’

‘Dan seit Jui dat jo it net witte, it net doare, of noch even tiid ha moatte.’

‘Hin?’

‘Yn alle gefallen fynt Jui dus elk antwurd ferkeard.’

‘Jim binne, docht no wol bliken, gjin normale Friezen ûnder elkoar.’

‘Wy?’

‘Wolle jo dan graach in normale Friezin wêze?’

‘Och. It komt no allegearre wol tichteby.’

‘Trynke, lit ús dy Homminga’s ris hifkje op har normalens.’

‘Dat stel fan ’e pôle? Ids en Elske?’

‘O, hjit hy Ids.’

‘Yn ús jonge jierren hie dat in normale namme west.’

‘It sprekt foar sa’n man, dat er dy net feroare hat.’

‘Of foar dy Elske.’

‘Krekt wa’t it thús foar it sizzen hat.’

‘Hy is, neffens my, mear ien fan ’e mienskip as sy. Hy is oeral lid fan.’

‘Wat je altyd beheint.’

‘Dat hinget der fan ôf.’

‘Dat hinget der fan ôf, ja,’ seit buorman.

‘It komt my no yn’t sin dat sy, dy Elske, lêstendeis flink opspatte. Der wie wat by de kassa yn ’e supermerk net yn oarder. It gie oer de ferpakking fan ’e makaroanje, leau ik. It kin likegoed hagelslach west ha. It gie om de ferpakking. De ferpakking wie feroare en dat stie har net oan. “De ferpakking”, sei se, “is altyd it earste kontaktmomint tusken de konsumint en it produkt”. De kassiêre frege doe oft se troch de ferpakking soms in relaasje mei it produkt krige of allinnich mei de ferpakking. Doe bruts de hel los, fansels.’

‘Tsjong,’ sei buorman, ‘dy Elske.’

‘Dy Elske, ja, dat ik jo dat noch net ferteld hie.’

‘Se moat marris nei Jui te teedrinken. Dat soe hiel wat ophelderje kinne.

*

De oare deis lei der in briefke by buorman yn ’e bus: Marcellus, se ha de kassiêre ûntslein.

*

Yn Amearika nimt Johannes it foar Ids op. Ids, hy kent him noch fan froeger. In goede jonge, wol wat in suurtsje. Beth nimt gjin stânpunt yn.

‘Amearika, hin?’ seit buorman.

‘Ja, wol handich, je sizze dêr gau te folle.’

Tsjinstimmers

Aggie van der Meer - Fers2 nû. 4.7, 8 april 2018

image aggie van der meer

Jui hie belle om oan te kundigjen dat se der oan kaam. Mei in sek joadekoeken. Dat betsjutte dat se kaam neidat se dat stik oer dy Lânskipspine fan Jantien de Boer út ’e holle koe. By wize fan sprekken dan. Jantien sil alles oer de gewoane Fries witte, mar Jui gokt der op dat se der wol foar soarget, dy Jantien dus, dat se sels net ien wurdt. Dat praat frijer. As Jui komt soe se it wol aardich fine as se diskear út ’e Normale Fries kamen – der wienen wier wol wichtiger saken lykas it fean-greideprobleem. As twadde frege se oft Trynke it regelje koe dat it by Marcellus thús koe. De ynrjochting fan de huzen, of it tekoart dêroan, sei Jui altyd in soad oer de minsken dy’t it bewennen.

Buorman hie, doe’t Trynke it frege, even om him hinne sjoen en doe sein dat de dames wolkom wienen. Omdat Marcellus wol oanfielde dat syn haperjen har net miste, sei er dat er troch it útsochte fersyk hast even oerfallen wie, mar prachtich moai, fansels. It wie dat de flaggehâlder wyls wat te heech foar him wurden wie… in grapke fansels.

‘Fansels,’ sei se.

De joadekoeken wienen fan ’e bakker en Jui hie har opmakke. Twa pluspunten. It soe net samar in moarn wurde. Jui sei ek twa dingen. Yn dizze folchoarder: ‘Prima kofje, Marcellus’ en ‘Jo tinke dochs net dat ik by dy Elske fan jim op ’e tee wol. Sa’n eamel.’

‘Ik ben net alle dagen mei dy Elske dwaande,’ sei buorman in tikje brimstich, genôch om Jui even fan har ferhege foarsittersstoel te krijen.

‘Dochs komme der by de kassa net folle klanten dy’t oer kontaktmominten tusken klant en keap doare te praten,’ sei Trynke.

‘Trynke,’ warskôge Jui, ‘soenen wy de Normale Fries net ôfhannelje?’

‘Prima,’ sei buorman, ‘wy litte Elske fieder falle en, stel ik de dames foar, is de útslach fan de stimming oer de sleepwet net in geweldich item?’

‘Myn idee,’ sei Trynke, wat fan Jui in knikje krige.

‘In skoalfoarbyld om it yn gearhing dêrmei oer Normale Friezen te hawwen,’ sei buorman.

‘Mei iens, Marcellus,’ sei Jui, ‘mar no net te koart troch de bocht.’

Trynke sei: ‘Se gunne it ús yn alle gefallen net.’

‘Wat net, Trynke,’ sei Buorman wolwollend.

Wyls Trynke seach dat Jui noch in joadekoek naam, sei se dat neffens har alle kranten, útsein de Ljouwerter en it Deiblêd, har ynspanden om motiven te finen wêrom’t dy Friezen sûnder dat der fan te foaren wiidweidich oer en wer oer hottefile wie wie, tsjin de sleepwet stimd ha.

‘Se koenen har net foarstelle dat wy op eigen manneboet op it idee komme koenen om tsjin te stimmen?’

‘Wy?’ sei Jui.

‘Jo dan net?’ sei buorman.

‘Wolle jo, Marcellus, dêrmei sizze dat de tsjinstimmers Normale Friezen binne?’

Nee dat sei er net. ‘Al is it wol wier dat tsjinstimmen ús wol leit.’

‘En dat wy dat sûnder al te folle help fan oaren sels wol betinke kinne,’ sei Trynke.

‘It sit yn ús genen,’ sei Jui, heal en heal tefreden.

‘As der op de iene of oare enkête in mienskiplik “Ja” komt, ha wy wol in oanrin fan in jier as fiifentweintich nedich, om oan it idee te wennen, sadat wy mei in gerêst hert dan ek echt “Ja” doare te sizze.’

By in lyts kognakje toeven se foldien by de revolúsje yn it golfkarton dat tritich jier ferge hie om ta besluten te kommen. En, fansels, by it fean-greideprobleem dat nei tweintich jier harsenskrabjen no ek by it CDA binnenkommen is en dus, alteast foar even, boppe op ’e steapel leit. Moai. Safier wienen se wylens doch kommen.

‘It bliuwt, leave dames,’ sei Marcellus en naam de flesse noch even, ‘in saak fan fergaderje – hâlde – keare – stinne – dochs mar net – wer fergaderje – te betiid – net te hastich. Foaral net te hastich. Wat is dêr al net in ellinde fan kommen.’

Mear fan Aggie van der Meer

Ferjitten it net herinnerjen De djipsee wit syn plak, libbet mei it tij en hâldt him oan syn grinzen.
De Normale Fries 6: Tsjinstimmers Jui hie belle om oan te kundigjen dat se der oan kaam. Mei in sek joadekoeken.
De Normale Fries 5: Kontaktmomint ‘Jui is fan betinken dat de Normale Friezen tinke dat se frij binne, wyls se bang is dat dat ferbylding is.’
De Normale Fries 4: Lit it mar even gewurde Oft sy noch wat heard hie oer dat byld fan dy frou fan Eja Siepman van den Berg dy’t se yn ’t Hearrenfean út in parkje stellen ha?
De Normale Fries 3: In Spesifike man Hie ik de foto sjoen fan dy man dy’t himsels by de kiel griep?
De Normale Fries 2 Se hie it sjoen, ja. In moaie kop boppe in royale heale side yn ’e Ljouwerter ûntkomt je net gau …
Dogeman VIII As Owe it ek in idee fynt komt Afke moarn mei. Dat wie it foarstel fan Jane. Oft it de muoite wurdich wie, hie Owe frege.
Dogeman VII Owe hat fan ’e moarn it boekje der by. Der meie har yn ’e tizige dagen dêr’t se yn bedarre binne neat ûntkomme.
Dogeman VI Wat Owe fertelle koe - Jane hie de jas noch oan - wie dat dominee Wouters by Dogeman oanbelle hie en der troch dyn ‘Mona Lisa’ ynlitten wie.
Dogeman IV Dy oare,’ seit Jane, ‘net Lilian, dy trof ik fan ’e moarn, hat wat fan Mona Lisa.’
1 2 3