image

Proaza

Dogeman I

Aggie van der Meer - Fers2 3.6, 26 maart 2017

Jane soe net witte oft er in hûs kocht hie dat ‘Dogeman’ hjitte.

Mar wat as er, lykas no, noflik by in freon op e kofje, of - om it even te ferskerpjen – oan e Jägermeister, syn each fûl op it boerd ‘Te Keap’ en tagelykseach er, yn opljochtend goud, de namme ‘Dogeman’ krekt op it momint dat dêr de doar iepengie en de bewenners, twa froulju en in bern kamen nei bûten: ‘Stel dy dat tafreel foar,’ sei Owe. ‘Soe dat byld dyn ynteresse foar dat hûs mei sa’n namme beynfloede ha?

‘Hoe âld?’ seit Jane.

‘It hûs?

‘Nee, dy froulju.’

‘Hast daliks wol begrepen dat dy net by de ferkeap ynbegrepen binne? Se biede dy allinnich in hûs oan yn in bepaalde ljochtfal en mei in ferhaal dat nijsgjirich makket.’

‘En dus alle kâns dat se út en troch nochris lâns komme woenen. Soe ik it dêrop oanlizze.’ ’Ik belje dy fuortendaliks as se fan it hûs ôf wolle.’

‘Hâld op man. In hûs dat Dogeman hjit? En om no tsjinoer dy te wenjen? Hoe âld wienen dy twa?’

‘De iene wat âlder as de oare, mar de fyfenfjirtich helje se beide net. Fan e moarn, Jane, soe de âldste - ik wit fan neat fansels, mar ik neam har mar Lilian, te boadskipjen.

‘Lilian,’ hoe betinkst it. Bliuwst in romantikus, Owe. Goed, Lilian, soe te boadskipjen.

‘Dat Lilian litte wy no mar even. Net mear as in gedachte. Se hat de gong deryn, swierich as se is, sweeft se de dyk oer. Ik koe it net helpe, mar ik tocht doe even, yn e flecht wei, soe se it antwurd witte as ik har nei de Marslâner frege.’

‘De Marslâner? Hast it slim te pakken. Wat tinkst?

‘Ik bin bang dat in Marslâner har neat seit. Neat opropt.’

‘En dan?’

‘Dan wit ik net oft ik it derby litte soe of har warskôge hie. Ik hie fansels myn reden om mei de Marslâner te kommen.’

Fansels, mar Jane soe sa gau net nei de reden riede kinne. Ja, hy woe noch wol in Jägerke.

‘Wat my dwers sit mei dy Marslâner,’ seit Owe, ‘is it feit dat er te betiid wie. Hy lâne te betiid. En dat ropt fragen op, de iene ûntrêstender as de oare. Wat no ek daliks yn dy opkomme sil, Jane, al tink ik dat oan no ta de Marslâner dy ûntkommen is, sil yn alle gefallen it feit wêze dat er te betiid wie…’

‘Ja, en?’

Ja, wol er it no witte, of …

Ut soarte woe er it witte.

‘De koarte of de lange ferzje?’

‘De lange.’

‘Moai. No earst noch even dit, Jane, heart de kosmos by dyn referinsjekader?’

‘Mar krekt hoe’t útkomt.’

‘It heart der dus net ûnskiedber by. Hawar. Wat wyls miskien dochs yn dy opkommen is, is de fraach, wêrtroch de Marslâner te betiid wie. Is der in flater makke. Wêr, hoe en wannear dan ek. Of is der yngrepen. Fan bûten ôf of fan binnen út. Fan wêr dan ek. En foaral: wêrom en wêrtroch. Wie it tarieden?’

‘Wie it tafal?’ seit Jane.

‘Tafal? Ik wit net, Jane, hoe’t dat by dy sit, mar ik leau net yn tafal. Dat is my te koart troch de bocht, Jane. Ek in tafal wurdt tarieden, is ergens, út úthoeken wei, útein setten, krúst paden, streken en tinzen en lit syn spoaren nei.’

‘Blinder, Owe, dêr hast oer neitocht.’

‘Wat oars. Mooglikheid ien, Jane, is dat de Marslâner graach of net, sels it probleem feroarsake hat. Bygelyks hat in ûnferwachte luchtdruk of in oar bekend of noch net earder waarnommen ferskynsel of wêzen, ynfloed útoefene, ûnbedoeld en ûnbewust.’

‘Tafal.’

‘In útkomst, Jane, fan in no noch ûnneigeanbere tarieding. Understellingen, net beantwurde fragen. It is ek mooglik dat de gelearden dy’t de Marslâner konstruearre ha, in flater makke ha, beskamsum, jild fergriemerij, hoe komme se oan nij jild, mar minsklik en op losber, of…, Jane…

‘De Marslâner hat sels in pear skroeven, om samar te sizzen, losdraaid,’ seit Jane.

Owe soe it net sa gau oer ‘skroeven’ hân ha, mar it idee is itselde en de skrik ek. Wat as de Marslâner sels yngrepen hat?

Se moatte der net oan tinke. Wat kin har dan noch mear te wachtsjen stean. Wat jouwe wy yn hannen fan net te behearskjen machten, machten dy’t wy sels oansetten ha?’

‘Wy?’

‘Sy.’

‘Sy, ja, mar wol mei ús jild.’

‘Ja, en hoe sil it fierder.’

‘No’t wy mei gewoan tinken safier kommen binne, Jane, en wy der dus wis fan wêze kinne dat de gelearden al earder safier wienen, moasto dy har panyk foar de geast helje kinne. Op luchtdruk of wat ferlykbers sille se har amper beroppe kinne. In eigen flater is ek min te fertearen en hat fansels konsekwinsjes foar nije projekten. Mar wat as se der achter kommen binne dat de Marslâner wilens sa tûk is dat er sels it heft yn hannen nimme kin.’

‘Ja, wat dan?

Ut Dogeman komt de oare frou mei it bern nei bûten.

‘It libben giet gewoan troch,’ seit Jane.

‘Sa foar each ja,’ seit Owe.

‘Sy witte noch fan neat,’ seit Jane.

‘Sylvia, seit Owe, ’en Tim.’

‘Asto dy Lilian ynljochtest dan kinst dizze twa der fansels net bûten hâlde.’

’It bern noch wol. It bern soe ik der bûten hâlde.’

‘Leau mar dat sa’n bern it oars prachtich fine soe.’

‘Ek dat noch.’

Se binne der noch net út.

Dogeman II

Aggie van der Meer - Fers2 3.7, 9 april 2017

image

It sit Owe dwers dat Jane, nei harren petear oer de Marslâner, op ’e dyk noch in hiel libben ûnderhâld hie mei Lilian. Want, wêr hienen se it oer? Hie er sein dat er in freon wie fan har oerbuorman? Hie sy miskien sein: ‘O, dy?’ ‘Ja dy,’ hie Jane dan sein, ‘Owe Conradie, wat in aparte man, mar fierder wol yn oarder.’ Jane soe him dan wol foarsteld ha en dus wêrom soe sy dan net mei har namme kommen wêze. Dêr hienen je it dan: siet er mei syn Lilian. Lilian hie er foar himsels hâlde wollen. Ferfelend. Om Jane der no oer te beljen…

Hy wol Jane net foar de kop stjitte. Hy moat him mei Jane rêde, ek al soe er it nivo wêr’t se inoar benei komme kinne wat heger ha wolle. Hawar. Miskien soe Amearika no earst in geskikt tema wêze kinne. Op himsels goed dat se alle wiken in tema ha. Meast komt hy der mei, mar soms is Jane him foar en dat hat in inkelde kear ek syn sjarme. Wêrom net.

Amearika. It sil Jane wierskynlik net fernuverje dat der noch altyd Amerikanen binne dy’t leauwe dat de skiednis pas yn 1620 begûn is?

‘Ek noch no’t se dêr ‘great again’ binne?’ seit Jane.

‘Krekt. Soks kinne se der dêr no eins net by ha. It probleem is dat sa’n opstelling wol wat achterhelle is. Dat sjogge se dêr ek wol. Se witte ek dat se der sûnder moederaasje definiftyf mei ôfrekkenje kinne en dat ek ûnferferzen dien hienen, Jane, as it net sa’n gefoelige kwestje wie dy’t, tsjin de hjoeddeistige achtergrûn, ûnbedoeld in nij aksint krigen hat. En dus moatte de learzens út… ’

‘En bliuwe de rifles noch yn ’e kast.’

‘It sil dy net ferbaze, Jane, dat it krekt dy fan ’e rifles binne dy’t har oan 1620 fêsthâlde,’ seit Owe. En bleau it dêr mar by. De Washington Post hat al begrepen dat der net te ûntkommen falt oan in grut ûndersyk dat útsykje moat oft dy fan 1620 ek beflapt wurde kinne ûnder de breed ferspriede groep Amerikanen dy’t te werkennen binne oan it mienskiplik merk: praktysk, moarddiedich en effisjint.’ Wyls komt my ek de Alt-Right beweging yn ’t sin. Dy sil der al helendal net bûten bliuwe kinne.’

‘En dan?’ seit Jane.

‘Dat sjogge se dan wol wer. Undersikers wurkje fanút in inkelfâldich helder omskreaune opdracht. As de resultaten dêrfan yn de iene of oare sin befredigjend binne, kin oer de folgjende ûndersyksfraach neitocht wurde.’

‘En oars?’

Bashe se de Washington Post. Koartsein, Jane, komme út sa’n earste ûndersyk trije mooglikheden op. Miskien wol fjouwer: ien, it stjêrt in stille dea. Net te ferwachtsjen, te brisant: dan sit sûnder mis de Wahington Post op it finketou. Twa: dat sil ek barre as it foar kennisjouwing opslein wurdt, dêr’t de brot wachtet op in opwekking. Dat bart as de Washington Post nije ûntjouwingen op it spoar kommen is. Trije: der komt reboelje út ferwachte en ûnferwachte hoeken wei. Dêr binnen se no al bang foar.’

‘En dus?’

‘Sil it ûndersyk pas yn gong setten wurde as se mannen kontraktearje kinne dy’t foarkomme dat de hazzen, de lemmingen kruse en de ûnûntkomere striid mei ferdrach en tajouwend fierd wurde kin.’

‘Mannen?’

‘Mannen, ja.’

‘It komt goed, mar it moat syn tiid even ha,’ seit Jane.

‘Krekt,’ seit Owe. ‘Dat hoopje se.’

Se nimme der ien op.

‘En dan noch even wat, soe ik hast ferjitte,’ seit Jane, ‘Foarige wike. Wa rin ik tsjin it liif? Dyn moaie Lilian. Nee, Owe, net skrikke, it mearke hâlde wy der yn: oer in Lilian haw ik it net hân. Sy tinkt noch al dat ik har oerbuorman bin. Freget oft ik noch in lege muorre ha foar in skilderij mei in frou en in ezel. It giet om dy ezel. Dy wol se kwyt. Dat bist sjocht har altyd nei as se deroan foarby rint. Hat se in hekel oan. Wat fynst, sil ik dat skilderij mei koarten by har ophelje en it dan Jet op ’e jierdei jaan?’

‘Ik soe der even mei wachtsje, Jane. Se sil wol oan dy ezel wenne. En dan spyt it har dat se der oer begûn is. Froulju, belangstelling is altyd moai.’

‘Oké, Ik sis earst neat. En, trouwens, in ezel? As it no in hynder wie. Of in Okapi. Ek nijsgjirrich.’

Jane mei de klompen yn it spul. In okapi. Dan hie er dus likegoed mei in kaaiman oankomme kinnen en wêr belâne wy dan. Blinder.

Dogeman III

Aggie van der Meer - Fers2 3.8, 23 april 2017

image

Owe kin him daliks net foarstelle fan hoefolle en fan hokker kwaliteit fan belibjen hy ferlet ha soe by it waadrinnen. As sechtichjierige?

‘Ja, waadrinners fan boppe de fyftich ha wy it hjir oer,’ seit Jane. ‘Under de fyftich binne se der yn it generaal al hielendal op ynsteld. Op belibjen. Wêrom ek net. Leau mar, Owe, dat it foar de froulju fan Dogeman iten en drinken is.’

De staafmikser. Owe freget him even ôf oft er it no oer de staafmikser ha sil. De staafmikser of all things. De skrik doe’t it bern fan Dogeman oanbelle. Hie buorman, buorman, sei er, ek even in staafmikser te lien. De buorlju neist har hienen ‘nota bene’ gjin staafmikser sei it bern. ‘Achterlik,’ hie syn muoike sein. Nee, Owe soe der net oer begjinne. De jonge op himels, kreas, oprêden, dat wol, hie him so wie so al net oanstien. Letter wist er dat it fan dy earkes kaam. Heech oppunte. Taspitst. It like miskien grappich, mar dat wie it net. Hawar, de jonge wie fleurich en wol nei hûs gien. Sûnder staafmikser. Dus...

It wie no even puzzelen om fan it belibjen op in begryplike manier by it ferskynsel diktatuer te kommen. Dêr hie er him foar fan ’e middei op tarieden.

‘Sa’n ien as dy Erdogan,’ seit er, ‘hoe soe sa’n man alles belibje?’

‘Afke tinkt dat syn frou neurotysk is. Dat se dêrom sa meager is.’

‘Ja, hoe soe Afke har neist sa’n man hâlde.’

‘Afke hie him fan syn libbensdagen safier net komme litten.’

‘Goed Jane, we stappe fan ’e frou fan Erdogan ôf. Falt fan ’e middei ek bûten it bestek. Geane wy oer nei de diktators sels.’

‘Kinne ek froulju wêze.’

‘Komme wy noch op, Jane. Wa hat dit ûnderwerp no tarieden?’

‘Oké,oké.’

’Yn it algemien, Jane, skynt it dat oankommende diktators it ha moatte fan it bewijreekjen fan it ferline. Dat hat har op ’e stoel holpen. Dat hat it idee west. Sûnder sels ôf te dalen binne se lâns eigen ûntwurpen treppen opklommen. Ien kear boppe beskriuwe se it folk de âlde gloarje dêr’t sy it byld en de gelikenis fan wurden binne en wêrtroch it folk har as sadanich jûchheiend werkent.’

‘As er it tûk spilet, fansels,’ seit Jane.

‘En hy der net allinnich foar stiet as it de dwerslizzers yndruid wurde moat dat se har fersinne,’ seit Owe.

‘De bewizen lizze op strjitte,’ seit Jane.

‘Wy binne der noch net, Jane, neffens de boarnen dy’t ik rieplachte ha, pakke ús diktators de op har tarinnende takomst net altyd like handich oan. Is fansels ek in heikerwei. De diktator wol winne. Altyd en sûnder ferdrach. Mar wylst er syn folk yn ’e stringen hâlde moat, ferjit er dat syn fijannen net ferlieze wolle en de tiid ha. Fijannen fan binnenút en bûtenôf, amper te foarsizzen hoe’t se har gif minge en hokker messen se slipe.

Foaral yn de earste perioade, as de diktator noch swil op ’e siel krije moat en wyls it folk yn ’e stringen hâlde moat, is it dreech, foaral ek omdat elk dan noch net ynspile is op de geryflikste manier fan libjen. Dus noch net klear is mei de fraach: hoe oerlibbet men in diktatuer.’

‘Krekt sa’n situaasje as wannearst dy op in noflike stoel deljaan wolst en dan stekt dy dêr sa’n izeren fear yn ’t gat,’ seit Jane, ‘dat wurdt dan in saak fan krekt salang fersitte oant it út te hâlden is.’

Dochs wol fermaaktlik hoe plastysk Jane him útdrukke kin.

‘Dochs Jane, sit ik noch mei fjouwer fragen oangeande in froulike diktator. Soe in froulike diktator, as se bestiet, oars neamd wurde, sjogge wy har oer de holle, sette eventuele manlike konkurrinten mei súkses har mienskiplike krêften yn om sa’n belediging fan har manlikens foar te kommen, of ha de froulju der gewoan gjin nocht oan.’

‘Hjir kin ik koart oer wêze,’ sei Jane. ‘It feit datsto mei fjouwer fragen sitst jout al oan hoe bewurklik froulju binne. Dat is ien. Nim mar fan my oan, Owe, dat se der binne, froulike diktators. Ik kin dy krekt fertelle hoe’t soks yn syn wurk giet. Se ha wat yn ’e holle. Se sil net sizze dat it it handichst is as elk docht wat sy betocht hat. Nee, se leit it dy dêrnei omstandich foar. Net twingend, sabeare net hielendal wis, alles kin likegoed noch oars. Do, hearst wat, pikst wat op, hâldst de trie net echt fêst, sjochst wol in gefaar, mar do bist der sels by, dus lit har mar even. Se wol it noch bêst even oer de gefaren ha dytsto sjochst. It is har alles wurdich dat se ’t mei inoar iens binne. En, as wichtichste, Owe, as frou wit se presys wêr’t se dy en mei hokker middels ûnskealik meitsje kinst. Miskien net hielendal ûnskealik, mar as dyn beswieren dy al wer yn’t sin komme is it te let. Dan kinst út twa dingen kieze: do hingest yn ’t gat, do dochst mei salang’t dat ek foar dy wat opsmyt of do nimst, as beledige partij, wraak.’

‘Dat binne dus trije dingen, wêrst út kieze kinst,’ seit Owe.

‘Oké, dêrmei hawwe wy dan wol moai krekt de antwurden op dyn fjouwer fragen.’

‘Prima, Jane, mar oft it ien op ien te fergelykjen is mei it grutte spul dat yn ’e wrâld spile wurdt? ... Jane, wat is der?’

‘Owe, sjoch gau even nei de oare kant. Nei Dogeman. Achter it rút hielendal rjochts, wat mei dat wêze?’

‘Eigenaardich, ja…’

‘It kin dochs dy ezel net wêze?’

Dogeman VI

Aggie van der Meer - Fers2 3.11, 4 juny 2017

image

Jane wie der even oan foarby rûn. Oan Dogeman. Lykas er mei Owe ôfpraten hie. Unopfallend, fansels. Kwiiskwâns ûnferskillich. Mar, nee, de ezel hie him net sjen litten.

Jane wie net safier gien dat er mei de noas tsjin it rút nei binnen doarde te loeren. Wol hie er yn ’e rin wei sjoen dat der fyf nammen ûnder elkoar neist de foardoar stienen. Nee, hy hie se net opskreaun. Dat soe him fertocht makke ha.

‘Wacht,’ seit Owe, ‘de fierrekiker kin ús fierder helpe. Lûpsuver. De boppeste, Jane, is in B.Malraux. Wa wit famylje fan André Malraux. Soe hiel moai wêze. Neist in hiele soad oare dingen hat er him ek dwaande hâlden mei it regissearjen fan de Apokalyps. Of him derop besind. No, ja, soks. Skriuw it op, Jane, wy hawwe it der grif noch wol oer. Dan ha wy in J.W. Hoekstra. Hoekstra kin fan alles wêze. Sykje wy op. As tredde kin ik M.van der Linde ûntsiferje. Oar lettertype. Dêrút kinne wy konkludearje dat de buordsjes net alle fiif tagelyk makke binne. Van der Linde, komt my bekend foar. Ek foar straks. P.S.J. Sixtus is ús nûmer fjouwer. Wêrom komt my no de Sixtus-affaire yn ’t sin? Ek foar letter. Hast dy? Moai. En de lêste is Balak/Bileam. Gewoan kin it ek net wêze.

‘Allegear bewenners fan Dogeman, meie wy oannimme.’ Seit Jane.

‘Allegear singelier en leau mar, Jane, allegear mei in eigen goed fersoarge identiteit.’

Jane komt net faak minsken tsjin dy’t neist har tosken en neilen ek noch in identiteit fersoargje. ‘Dat ha se har oanprate litten. Afke tinkt trouwens sûnt koart dat se der net frij fan is, fan in identiteit,’ seit Jane. ‘Soms hat se der even wat spul mei.’

Owe is der wilens wol wis fan. Fan it besit fan syn identiteit. Al hat er der net folle greep op. Yn alle gefallen komt hieltyd wer de fraach by him op wat syn identiteit útheve hat yn alle jierren dat er him ûnbeheard litten en net acht slein hat. Hy him syn gong mar gean litten hat.

Net earder, tinkt Jane, hat Owe sa iepen west en jout er ek noch ta dat er eat oangeande himsels net acht slein hat. It rekket Jane. ‘Ek al hasto it hiele ynwindige proses net folge kind, it wol noch net sizze datsto, Owe - hie dat al it mooglik west - it proces yn ‘e goede rjochting bystjoere kinnen hast.’

‘Nee,’ seit Owe.

Swijend jit er twa Jägerkes yn.

Se klinke. Twa manlju op ’e drompel fan in nije fase yn har libben: de omgong mei in fersloere identiteit. ‘Mocht dy der wêze,’ seit Jane.

Net alles tagelyk.

By neier besjen besykje se no earst de bewenners fan Dogeman te plak te krijen.

‘Wa fan dy fyf soe no dyn Lilian wêze? Dy Malraux?’ seit Jane.

‘Do sjochst in frou dochs net in Apokalips regissearjen?’

Jane soe in bepaald type frou krekt hiel geskikt fine om minstens in oangripend horrorsenario te betinken.

‘Dat sy mei dy oer in ezel prate dy’t har neiseach, is noch gjin bewiis fan in apokalyptyske tinkrjochting.’

‘Nee,’ seit Jane, ‘mar as it dyselde ezel as dy út it skilderij wie, dy’t ik letter foar it rút seach, makket dat it wol wierskynliker.’

‘Goed, goed, Jane,’ seit Owe, ‘wy hâlde it idee der noch even yn. Wy kinne wol stelle dat wy der mei it betinken fan in senario - wy net fansels, mar ús Lilian - der noch net binne. It moat yn gong setten wurden en dat is gjin poppespul. Dy Malraux wie ien dy’t alle diken ferlizze koe, wat dan wer nije foarútsichten foarsei. Oft in frou dat tusken alle oare saken dy’t har omtinken freegje klear krije soe? Dat easket in folsleine ynset.’

‘Dy Lilian soe mei har apokalyptyske plannen in man hiel goed ynspirearje kinne. Dy Hoekstra soe dêr gefoelich foar wêze kinne,’ seit Jane.

‘As wy derfan útgeane, Jane, dat Hoekstra in man is – dêr stean ik wol foar iepen – dan soe hy yndie gefoelich wêze kinne foar beskate ynfloeden fan Lilian, mar Lilian en in horrorsenario???’

‘Begûn foar de grap miskien, Owe, dan wurdt it al gau in aventoer en leau mar dat sa’n Hoekstra der dan folút ynstapt.’

‘Al sprekt it my oan, Jane, mar hark ris even, wurdt dit gjin breinstoarmjen op wylde see?’

‘Wy moatte ergens begjinne,’ seit Jane.’

‘Fansels, in betûfte wurkwize. Basis fan de wittenskip: útgean fan in ferûnderstelling dy’t grinzet oan in einleas útteste wissichheid.’

Se soenen it in wike yn har omgean litte.

Kamen se der oan ta dan soe de kwestje identiteit ek op it aljemint komme moatte.

En de fraach, wat Owe oan syn identiteit dwaan soe, hie er der kâns foar en der nocht oan.

Dogeman V

Aggie van der Meer - Fers2 3.12, 18 juny 2017

aggie van der meer

Dy oare,’ seit Jane, ‘net Lilian, dy trof ik fan ’e moarn, hat wat fan Mona Lisa.’

Dêr seach Owe fan op. Goed, Mona Lisa, wêrom soe dy bûten Jane syn deistich tinkkader lizze moatte.

Owe soe har net graach op ’e kofje ha wolle.

‘Mona Lisa?’

‘Mona Lisa, ja.’ Salang’t Jane gjin ferlet hie fan fierdere ynformaasje hâlde Owe Mona Lisa foar himsels.

It petear stûke wat.

‘Sylvia,’ seit Owe, ûnwillich, want fan Sylvia kinne se no wol ôfskie nimme sûnt it nammeboerdsje gjin S. fermelde kin.

‘Of,’ seit Jane, ‘Sylvia is dy P.S.J. Sixtus en wol om de iene of oare reden by de twadde namme neamd wurde. Gewoan kin by guon net.’

‘Sylvia Sixtus,’ priuwt Owe, ‘oannimmelijk. Moai ek. As wy dêr noris ús earste piketpealtsje slaan, Jane. As begjin, as hâldfêst. Sylvia Sixtus. Hmm.

‘Mar wat, Owe, as bliken docht dat P.S.J. Sixtus slacht op Pieter en Sylvia Johanna Sixtus. Of op Pablo Sebald en Janka Sixtus.’

‘Ja, Jane, sa komme wy noait in stap fierder. Yn alle gefallen, stel ik foar, om daliks fan ‘Janka’ ôf te stappen. It idee. En trouwens, as der ek noch in mynhear Sixtus yn dat hûs wennet, wêrom komt er dan noait foar it ljocht?’

‘Goede fraach. In Sixtus lit him sjen, bedoelst? Presintearret him oan it folk. Soe er him miskien skamje kinne om yn in hûs te wenjen dat Dogeman hjit? Slute wy dat út?’

‘Miskien is er op see. Kaptein, admiraal, wat it mar wêze kin. Of is er pasjint, moat er dêr opknappe fan in ûngemak by de jacht, of is er net mear by de tiid,’ seit Owe.

‘Hat Sylvia him hielendal even foar harsels,’ seit Jane. ‘Moat er har gewurde litte, oft him dat past of net. Oft it it âlde ferske bliuwt of, oft it de ûntdekking fan in nij opwinend stramyn yn harren leafdeslibben wurde kin. Hâld er him dêrom wat langer swak en mislik. Leau mar dat sa’n man, salang’t er wat eachlik bliuwt en op syn ponteneur stiet, de rezjy yn saken fan lêst en lust net út hannen jout. En yn syn eigenwizens der net achter komt wat er mist. Mar no dus mis,kien al.’

‘Eigenwiis of net, Jane,’ seit Owe, ‘mei in Sixtus wurdt net spotte. Wat it foarteam fan de famylje oangiet, Jane, ha wy de kar út ien fan de fiif Pausen mei dy namme, Sixtus I, II, III, IV en V dus, of rêde wy ús mei Sixtus Ferdinand Maria Ignatius Alfons Robert Michael Frans Karel Lodewijk Xavier Jozef Anton Pius Thaddeus Johan Sebastiaan Paul Blasius Stanislaus Benedictus Bernard Marcus van Bourbon-Parma.’

Omdat de kwestje fan in Pauslik neiteam har no even te omslachtich wurdt, en, is Owe bang, by Jane wat gefoelich lizze kin fanwegen hou en trou, sette se dy earst yn ’e wachtstân as earste reserves.

‘Sixtus Bourbon-Parma dus. Bekend fan de Sixtusaffêre, dy’t der yn it koart op delkomt dat yn ’e earste wrâldoarloch boppeneamde Sixtus mei de bêste bedoelingen besocht hat de alliearden te ynteressearjen foar syn idee fan it sluten fan frede mei Eastenryk, as begjin. Goed bedoeld, yngenieus fan opset, mar jammerlik mislearre. It hat de kwestje mear kwea dien as goed.’

‘Dus….,’ seit Jane…’

‘Ja, Jane, ‘wy moatte it der mei dwaan. Twa opmerkingen: de saak is wol in bekende ‘affêre’ wurden en hokker famylje kin soks op har konto skriuwe en, twads, tusken doe en no is noch in wrâld te winnen. Ik sykje it fierder út.’

It hie doe foar dy moarn wol wer even moai west. Se hâlden foarearst fêst oan Sylvia en Sixtus mei of sûnder man. As begjin. As Hâldfêst.

By it twadde Jägerke kaam Jane noch even op Mona Lisa werom. Dat Owe har net op ’e kofje ha woe.

‘Dat sil ik dy sizze,’ seit Owe, ‘gean der mar fan út datst gjin praat hast en ast har wat fregest en de fraach stiet har net oan, dan swijt se, wurch en ferûngelike. Sa.’

‘Sa,’ seit Jane.

Dogeman VI

Aggie van der Meer - Fers2 3.13, 3 septimber 2017

aggie van der meer

Wat Owe fertelle koe - Jane hie de jas noch oan - wie dat dominee Wouters by Dogeman oanbelle hie en der troch dyn ‘Mona Lisa’ ynlitten wie. Wie Owe wis wat de dominee oanbelange?

‘Gjin sprake fan fersin.’ seit Owe, ‘ik soe gjin oar witte mei sokke kuten, sa solide, mei sa’n strakke bôge nei achteren treaun dat se as in moterke wurkje om him op gang te hâlden. Wouters is sa’n ien dy’t noch net twifelet. Dat lit er de goegemeente sjen.’

‘Mei syn kuten?’

‘Mei syn kuten.’

‘Hoe, Owe, omskriuwsto de gemoedstastân fan Mona Lisa?’

‘Untheistere, better kin ik it net sizze.’

‘Blinder. De âlde Sixtus is slim siik. As it al net te let is.’

‘Ja, ek myn idee,’ seit Owe,’ de oaren hâlde we, om de trie wat fêst te hâlden, der foarearst even bûten.’

‘Jou my dyn fierrekiker ris even,’ seit Jane. ‘Sjen hoe’t de ezel him ûnder alle alteraasje hâldt.’

‘De ezel is der net,’ seit Owe.

‘De ezel is der al,’ seit Jane, ‘mei de rêch nei ús ta. En, noch moaier, Lilian hat de earm om him hinne.’

‘Balak Bileam, de fyfde namme op ‘e doar, Jane, is de namme fan in ezel. Dêr bin ik in dei of wat ferlyn, sneupe, hin, kranten, ynternet en de bibel. De bibel is de boarne. Dat wik ik dy. Hokker ezel, Jane, krijt domineesbesite en hat in eigen nammeboerdsje by de doar.’

‘Ja, en wa wennet der tsjinoer.’

‘En hat der net allinnich sicht op, is him bewust fan de hichte en djipte fan it ferskynsel dat him foar syn ferhearde eagen ôfspilet, seit Owe, dy’t de triennen frij oer syn wangen streame lit.

‘Wyls er mei syn identiteit noch net iens ta in fergelyk kommen is.’

‘Der fan útgeande dat er ien hat, in identiteit,’ seit Jane, ‘Fierder ûndersyk dêrnei kinst no hielendal net mear sloere litte. Ik, as dyn freon, ûntdekker fan de ezel, fiel my troch de hiele alteraasje ek al in slachje oars. Soks, Owe, jout ferplichtingen. Wy binne tsjûgen, Owe. Dat jin net ien ús ûntstride. Dat nimt net ien ús ôf.’

‘Nee,’ seit Owe, ‘do hast gelyk Jane, wy binne tsjûgen.’

Se drinke ombeurten har Jägerkes, sadat altyd ien fan har de bewegingen yn en om Dogeman yn ’e gaten hâlde kin en har dus neat ûntkomt.

Krekt as Owe, al hast in oere oertiid, dochs mar op hûs oan sil, giet oan de oare kant de doar iepen en komt, tagelyk mei dominé Wouters in ûnbekende man nei bûten.’

‘Malraux,’ seit Owe.

Even letter komt Mona Lisa ek noch even. Stean mei syn trijen foar it boerdsje. Wize. knikke, fûstkje, Wouters rint fuort, komt noch even werom, wer knikke, noch in kear fûstkje. Wouters ôf. Malraux nimt Mona Lisa by de earm en rint sûnder omsjen mei har der wer yn.

‘It bêste wat ik fan ’e middei dwaan kin,’ seit Owe, is frou Wenderlik belje. Buorfrou en foar safier’t ik wit goekunde fan Wouters. Wa wit kin dy ús fierder helpe.’

‘Dus omdatsto net wachtsje kinst, ljochtest dy buorfrou yn oer ús geheim en dan witst it wol…’

‘Blinder,’ seit Owe. Hy sil neitinke. Bellet Jane foardat er wat ûndernimt.

‘Dy man moat neffens dy dus Malraux wêze,’

‘Ja,’ seit Owe, ‘mei wat oars hoechst foarearst net ien by my oan te kommen.’

‘De man, de minner, de skarrel fan Mona Lisa?’

‘Oan skarrels dogge se dêr net,’ seit Owe. ‘Yn alle gefallen ha se dêr dan wol in oar wurd foar. Mar oft it in stel is… Ik wit it net, Jane.’

‘Wy hâlde it yn berie, Owe. In saak fan attint wêze op ’e lytse dinkjes. Mar dat sa’n man him net earder sjen litten hat. Kaam er oer as minskeskou, of as in keamergelearde?’

‘Dat lêste,’seit Owe.

‘Of, Owe, is er net hommels thúskommen fanwege de ezel?’

‘Fansels, dat is it.’

Al mei al, Owe soe sowieso wolris mei dy Anneke Wenderlik yn kontakt komme wolle. Hawar. It libben is fol ferrassingen. Dat blykt no wol wer.

Dogeman VII

Aggie van der Meer - Fers2 3.15, 1 oktober 2017

image aggie van der meer

Owe hat fan ’e moarn

it boekje der by. Der mei har yn ’e tizige dagen dêr’t se yn bedarre binne neat ûntkomme. Mei allinnich de kop derby rêde se it net.

It is no earst saak ek krij Malraux te plak. In kwestje fan logysk tinken.

‘Lit ús de mooglikheden oersichtlik op tafel lizze,’ seit Jane.

Goed.

‘Sûnt der wat mei Bileam is, mei ien fan de froulje, of mei Tim, lytse Tim fan de mikser,’ seit Owe, ‘is Malraux op syn post en net fan ’e strjitte te slaan. Wat fan alles betsjutte kin.’

1. De man hat siik west, wat se earder al as moochlikheid seagen en deryn hâlde kinne.

2. Malraux hat ferlet fan frisse lucht. Net oannimlik. Frisse lucht kin er yn har tún ek opdwaan en wol sa skjin en sûn en gjin nijsgjirrige Aagjes. Okay, punt 2 sil it net wêze.

3. Hy bewekket hûs, hiem, geheimen, twa froulje en in bern yn in hommels opkommen útsûnderlike situaasje. Hiel goed, dúdlik formulearre. Hâlde se deryn, al bringt it har mear stevigens as ynsicht.

4. Hy is in marineman, ek yn it normale libben altyd moai lang fan hûs, genietsjend fan syn frijheid. Yn dat gefal binne de froulju earder syn susters, of kin ien fan har syn frou wêze of kin der praat wêze fan in wat fersloere ferealens/ slepende leafdesrelaasje, dy’t net rjocht fan ‘e grûn komme kin.

5. Mar as er noch al oan ien fan de twa ferslingere wie, hie er nei alle gedachten ûnwennich west, mar koe er om it waar of oars wat net earder op hûs oan.

6. Mar wat as er op beide wat fereale is en de froulje, om alle spanning dy’t soks jout, foar te kommen, him leaver elk apart moetsje ergens oars as yn Dogeman.

7. Yn dat gefal, it gefal dat se de spanning no litte foar wat it is, jout dat yn ús gefal in sterk bewiis dat der wat spesjaals oan de oarder is. Moai.

It soe Owe trouwens net fernuvere as Mona Lisa lesbysk wie. Nee, dêr soe yn it ferline net ien by stil stien ha, ‘mar no,’ seit Jane, ‘soe it ús saak oanmerklik ferienfâldigje kinne.’

‘Wat noch mar de fraach is,’ seit Owe. Wat har it byld fan in gloednije searje besprekpunten foartoveret.’

‘Owe,’ seit Jane, ‘as wy it no earst by dizze sân punten hâlde. Sân kinne wy oan. Sân is in goed útgongspunt. Fiif broaden en twa fisken. Sân kear Jericho om en de stêd leit yn pún.’

Om net hielendal te ferdwalen jit Owe, in bytsje oan de betide kant, foar de twadde kear mar fêst in Jägerke yn.

‘Uteinlik hellet Bileam as iennige sûnder skansearjen de einstreek,’ seit er. ‘It sprekt foar himsels dat Malraux, hy sil wol Bernard fan ’e foarnamme hjitte, Bernard op syn Frâns útsprutsen dan, in oprop krigen hat om sûnder suchtsjen en ferlechjes fuort en daliks op hûs oan te kommen: der wie wat mei Bileam.’

‘Fansels,’ seit Jane, ‘draait de hiele saak om Bileam. Se woenen Bernard der by ha, oerlizze wat te dwaan, wat te litten, de dominee der by, of de krante, of foarearst neat.’

Hoe dan ek der wie wat mei Bileam, nuveraardich genôch om Bernard Malraux yn alle gefallen fan syn skip, út syn penthouse, of by syn hinnen wei te roppen, mei it boadskip om minsten foar in wike ûnderguod en boesgroentsjes mei te nimmen. Noch in gelok dat hinnen net ienkennich binne. Hoe’t Malraux it fierder mei de hinnen oplost, der sil wol in buorfrou wêze dy’t Bernard better net foar de kop slaan wol, of him graach temjitte komt, witst it noait, mar hoe dan ek, dêr kinne se no net mei sitte.

‘Gean der mar fan út dat Malraux in mantsje is dat him net tsjinhâlde lit as er as ridder of rêder optrede kin, of him ynsette kin foar eat dêr’t ear oan te beheljen is. Dat. Soks. Soe miskien syn identiteit wêze, Owe.’

‘Jane, no even net. Dêr komme wy letter op.’

Owe hie dat noch net sein of de doar by Dogeman giet iepen en achter inoar komme Malraux, Llian en de lytse Tim fan de mikser nei bûten en sette nei links ôf.

Blinder.

As Jane de oare dei bellet, seit er Owe pen en boekje derby te nimmen en te notearjen dat juster, sawat in kertier neidat Malraux, Lilian en de lytse Tim fan de mikser Dogeman yn linkse rjochting ferlitten ha, se oankommen wienen by it hûs fan dominee Wouters, dy’t al yn it doarsgat stie om it trio hertlik te ferwolkomjen. Hoe’t Jane dat wit? Fan Afke dy’t wat kunde hat oan de buorfrou van de dominee, Anneke Wenderlik. De twa froulje binne op kursus by dominee Wouters. Dat giet dan oer de ien of oare ferantwurde filosoof. Moarn sil Afke by Anneke op ’e tee. Hoelang’t de Dogemannen by de dominee wienen? Anneke rûst it op in krap heal oerke.

Merde. Anneke. Wurdt it der foar him no better op of minder. Owe brekt in ferjitten bonbondoaske oan. Lekker wol.

Dogeman VIII

Aggie van der Meer - Fers2 3.19, 26 novimber 2017

image

As Owe it ek in idee fynt komt Afke moarn mei. Dat wie it foarstel fan Jane. Oft it de muoite wurdich wie, hie Owe frege. Wie er bang dat it it begjin waard fan in triootsje? Sei Jane. No wist Owe even net wêr’t se bedarren.

‘Okay,’ sei Jane, ‘Afke en ik komme moarn tegearre, ik nim in flesse advokaat mei want mei Afke is nei twa Jägerkes gjin hûs te hâlden en wy moatte it dis kear fan har ha.’

‘Goed,’ sei Owe, ‘sa tocht, sa dien.’

Sa tocht, sa dien, dat hâldt er der tenei yn, tinkt Jane. In man apart, dy Owe. Hawar.

It soe de earste fan in pear unferjitlike wiken wurde.

Foardat Afke en Jane der wienen, wie der wyls al safolle om en by de Dogemans passeare dat Owe noch net oan it skearen takommen wie. Letter hie Owe him skamme dat er it in ‘kermis’ neamd hie, de hiele heisa mei lûdsweinen, manju mei allerhanne apparatoer, drok yn inoar omrinnend, yn en út it hûs rinnend, oant lytse Tim de doar slute, dy’t even letter wer iepene waard troch ien fan de fotografen of hokker spesjalist it ek mar wie, dy’t – moaier hie net kinnen – Jane en Afke yn ’e earmen fûl.

‘It is de fraach, Owe,’ sei Jane, wyls er mei Afke achter him oan en achter de hime, de treppen opsto, ‘ofsto hjoed noch ta dysels komme kinst. Man, man,’ sei er. Afke, as ynwijde, lake ynskiklik. As sy noris it hiele ferhaal fan begjin ta ein fertelde. Alles wat se, sis mar sels meimakke hat, of heard hat út de earste hân. Ja se mocht ûnderbrutsen wurde, as de manlju har dêrmei net út har konsintraasje hellen.

‘Anneke. Wy starte by Anneke. Anneke hie, wannear sil it west ha, tsien dagen lyn, lit ús sizze krapoan twa wike, oan dominee Wouters sjoen, syn gong, ien bonk opwining, dat er út ’e skroeven wie. Se hie wat betocht om him even mei in boadskipke út ’e rûs te heljen. Wat der mei him wie, hie se frege. Se hie daliks wol sjoen dat har buorman har buorman net wie. It wie in man, sa’t er tajoech, dy’t yn syn wurksume libben de frjemdste dingen al meimakke hie, mar noch noait sa konfrontearre west hie mei de wûnders tusken himel en ierde, wêr’t er alle sneinen wol oer redendiele, mar no yn it echt mei te krijen krige. En wist er daliks hoe dêr mei om te gean? Nee; dus, as Anneke – ja hy seit wol Anneke, mar sy is noch net oan Sjoerd takommen – noch even geduld mei him hie… Heal gerêst is Anneke doe earst mar wer op hûs oan gien. Hy koe har altyd belje, dei en nacht.’

Wyls Afke even risselwaasje makke yn hokker folchoarder se ta de kloe komme soe, jitte Owe har alle trije in Jägerke yn. Ja, Afke dis kear ek mar. Even fertraapje. He, he. Se slacht no in lyts stikje oer. Nei de besite fan de Dogemans, in man, in frou, in jonkje, Anneke wist fan ferhâlding noch namme, kaam de ûntlading der’t se nei útseagen pas nei de kursusles oer Nietzsche, eigenaardige man trouwens, doe’t Anneke en sy noch even troch Wouters tsjinhalden wurden. Wêr’t se it oan te tankjen hie, wit se net, mar it wie in ferfaltsje, fansels. ‘Dominee fage him it swit fan ’e holle en sei dat er bliid wie dat er nei oerlis mei mefrou Hoekstra, frij wie om oer it wûnder dat harren tafoelen wie en der’t hy min of te mear tsjûge fan weze mocht, te praten. Yn fertrouwd fermidden dan. ‘Aldergeloks,’ sei Afke. ‘Aldergeloks,’ sei Owe. Jane lake.

Afke seit no yn gewoane sinnen wat se út Wouters syn betiizjend relaas opfandele hienen. ‘Wouters wie dus op in moarn troch mynhear Malraux opbelle,’ sei Afke.

‘Dat er dêr west hat, hawwe wy sjoen, Owe, doe’t er der troch Mona Lisa, no dus, net te leauwen, mefrou Hoekstra en Malraux útlitten waard.’

‘Mei Malraux hawwe wy it daliks dus goed ynskatten. Moai.’

‘Notearje wy dat noch?’

‘Ja, doch mar, mar wat dat allegearre noch úthellet…’

Sil Afke no mar fierder? Fansels.

‘Wat Wouters dêr yn dat Dogemanhus te hearren krige en te sjen, it stiet dy man noch as in dream foar eagen. Se hienen der dus in ezel. Yn in bed. Elk syn smaak. Yn ’e hûs, ja, in eigen keamer mei bed en al. Der lei er yn, alhoewol’t er soms even oerein besocht te kommen, krimmenearjend en al. Dat allinnich al wie Wouters troch ieren en sinen gien. Wêr’t alles om draaide wie dat mefrou - nei alle gedachten dus Lilian - en mynhear Van der Linde beide wekker wurden wienen trochdat se Bileam praten hearden. Of se ferheard wienen? As de dea. Mynhear Van der Linde hie yn ’e flecht wei noch krekt, te foaren komme kinnen dat syn frou fan ’e treppen rûgele. Se wisten al dat Bileam slim siik wie, mar van dat momint of binne se net mear fan syn side wike en binne se oant no, amper oansprekber. Of se wisten wêr’t it earme bist it oer hie? Earst like it wat op I-OU en sa, noch net iens sa frjemd, mar letter wienen it in pear sintjes wêr’t Wouters, hopen se, in spreuk, of in klacht fan meitsje koe. Of riede koe. Ja, doe hawwe jim Wouters der by de Dogemans der úkommen sjoen. Yn alle alteraasje hat Wouters sels doe ek noch in pear wurden opfongen, dy’t Van der Linde bij de oare wurden notearre hat. Se soenen de saak foarearst net buorkundich meitsje, mei soks bysûnders as dit koenen je net hoeden genoch omgean. Se soenen yn alle gefallen wachtsje op in tillefoantsje fan Wouters, dy’t by alle betizing yn alle gefallen de bibel achter him hie, dêr’t mei sprekkende ezels noflik omgien wurdt. Holp Nummeri 22 him? Net echt. As al te faak moat dominee Wouters him dochs sels wer rêde. Yn it gefal Bileam mei syn yntuïsje en it papierke fan Van der Linde mei de wûnderbaarlike útspraken fan in sike ezel yn in bêd. Nei bidden, smeken, skrassen en puzzeljen komt Wouters úteinlik mei wat goede wil út op: MIJ DE OPSTUTSEN STIEN.

‘Mij de opstutsen stien,’ sei Owe wat teloarsteld.

‘Ja,’ sei Afke, ‘my foel it earst ek wat ôf. Dominee hie dúdlik ek graach in oare sin han om de Dogemans oan te bieden. Hawar. It wie yn alle gefallen in sin dy’t te begripen wie.

‘En wêr’t je je eigen ideeën by ûntwikkelje kinne,’ sei Jane.

‘Der sit dochs in natoerlike filosofyske ynslach yn, Jane,’ sei Afke, ‘Hoe dan ek, de Dogemans wienen mear as tefreden. Se koenen no mei har wûnderbaarlik nijs nei bûten. De earste bewizen derfan hawwe wy der niiskrekt fan fernimme kinnen. Hjirnei ferwachtsje se de kranten. Foardat de earme BIleam ferstjert, dat sil net lang mear duorje, meie wy oannimme, binne se wis binne fan grutte belangstelling fan saakkundigen, hege pommmeranten út tsjerke en universiteiten, minstens twa professors út Amearika hawwe har komst al oanmelde en folle net genoch, it kin net op.’

‘Owe lit de earste wiken it burd stean, meie wy op rekkenje,’ seit Jane.

‘En noch even wat,’ sei Afke, ‘dominee hat begrepen dat de Dogemans der straks in earste klas begraffenis fan meitsje sille. Dominee rekkenet al op in lyts roltsje yn it plechtige gehiel. Hy wie it mei Anneke en my iens dat dat net mear as fanselssprekkend wêze soe,’ sei Afke, dy doe noch wol in heal Jägerke woe.

Dy lytse Tim moat dus hast in Sixtus weze, sei Owe letter tsjin himsels. Foar de begraffenis woe Owe de kwestje fan de doarnammen op oarder ha.

Mear fan Aggie van der Meer

Ferjitten it net herinnerjen De djipsee wit syn plak, libbet mei it tij en hâldt him oan syn grinzen.
De Normale Fries 6: Tsjinstimmers Jui hie belle om oan te kundigjen dat se der oan kaam. Mei in sek joadekoeken.
De Normale Fries 5: Kontaktmomint ‘Jui is fan betinken dat de Normale Friezen tinke dat se frij binne, wyls se bang is dat dat ferbylding is.’
De Normale Fries 4: Lit it mar even gewurde Oft sy noch wat heard hie oer dat byld fan dy frou fan Eja Siepman van den Berg dy’t se yn ’t Hearrenfean út in parkje stellen ha?
De Normale Fries 3: In Spesifike man Hie ik de foto sjoen fan dy man dy’t himsels by de kiel griep?
De Normale Fries 2 Se hie it sjoen, ja. In moaie kop boppe in royale heale side yn ’e Ljouwerter ûntkomt je net gau …
Dogeman VIII As Owe it ek in idee fynt komt Afke moarn mei. Dat wie it foarstel fan Jane. Oft it de muoite wurdich wie, hie Owe frege.
Dogeman VII Owe hat fan ’e moarn it boekje der by. Der meie har yn ’e tizige dagen dêr’t se yn bedarre binne neat ûntkomme.
Dogeman VI Wat Owe fertelle koe - Jane hie de jas noch oan - wie dat dominee Wouters by Dogeman oanbelle hie en der troch dyn ‘Mona Lisa’ ynlitten wie.
Dogeman IV Dy oare,’ seit Jane, ‘net Lilian, dy trof ik fan ’e moarn, hat wat fan Mona Lisa.’
1 2 3