image

Proaza

Dukla onze kat die de klok stil zetten kon

Aggie van der Meer - Fers2 nû. 2.13, 11 septimber 2016

I. De neoliberaal

Dy’t der altyd wie: Ake de kater, behalve as de Gleone Reade him sitte litten hie mei syn ferlet en hy achter it hok mei de jonge hoannen siet te stymjen.

As Ake troch it bewustwêzens-plafond stuts, soe er net ûnderdwaan foar in trochsneed Neo-liberal. Dêr wie se wis fan. In Neo-liberal as buorman De Haas.

Dat hie se betocht en se wist net hoe bliid se dêrmei wie. En hoe ûntheistere.

Liet se it op syn berin of sette se de fûken út.

*

Even in fraach oan buorman: hie er wolris wat hân mei ien as Kierkegaard?

Nee, hie er wat mist?

Kierkegaard hat fêststeld dat it libben foarút libbe wurdt, mar pas achterôf begrepen.

Dat soe buorman dy Kierkegaard daliks wol sizze kinne: as Neolib koe er mei achterôf sjen de kost net fertsjinje. Hy doarde wol te sizzen dat manlju as dy Kierkegaard der bliid mei hearre te wêzen dat hy ek foar har de dei plôket.

Hmm.

*

De fraach hie in test west. De fraach oan buorman. In fraach yn ’t foar. In fraach dêr’t Ake, soe it der fan komme dat er trochbruts, nei alle gedachten ek gjin antwurd op hie. Dat wienen dan al twa op itselde streekje.

*

No hie Ake noch gjin aan en foarearst soe se him net wizer meitsje.

No wie Ake noch allinnich de kater dy’t har klok stil sette koe. No wie hy noch Pierewaaier de Earste dy’t, as him yn syn paradys net wat smaaklikers foarsetten wie, him ferûngelike en koartkearich oan har âlde hurdbakjes fergriep.

Ake treaste him út en troch mei har hurdbakjes en sels mei har fersiken om him yn te lyvjen as de Gleone Reade him dus werris sitten litten hie. Hy dus de pest yn hie.

Se wist dat er him net ynlyvje liet. Se wist dat hy wist dat se dat eins woe, mar it net rêde soe.

Dat er dêrmei syn frijheid op jaan soe hie er noch net betinke kinnen. Wat frijheid wie wist er no noch net en sy soe him net wizer meitsje salang’t sy net tariede wie op de omgong mei in kat dy’t har klok stil sette koe. En dat by gelegenheden die. Hokker gelegenheden dat ek wienen.

*

De fraach wie yn hokke mjitte it brekken fan it glês de ferhâlding tussen har en Ake feroarje soe. Soe it it lytse of it grutte ferskil wurde. It lytse ferskil skerpt it omtinken. It grutte ropt dreamen op en sentiminten.

Safier wie it dus noch net.

Noch jierren soe er de siken net hoege te heljen, omdat se noch oeral fergees te krijen wienen.

Dat joech hoop. Lykas it witten dat sy en Ake foar en nei it ferbrekken fan it plafond itselde binnenspul fan it ear hâlde: stiigbûgel, hammer en ambyld. Dêr moat se it mei rêde kinne.

II. Ferrie

Se binne ree,’ seit er. ‘It kin begjinne.’

‘Te betiid,’ seit Beël. Te betiid foar in moai ferrie.’ Beël hâldt him it skaaltsje ierdbeien foar.

‘Wêrom?’ seit er. Kiezzich no.

‘Se binne net machtich genôch en net happich,’ seit Beël.

‘Hmm,’ seit er. Hy sjocht de slak tusken de ierdbeien. Lit it.

‘It smyt ús beide te min op,’ seit Beël.

‘Miskien.’ Ferfelend no.

‘It is in spultsje fan rizelbrek,’ seit Beël. ‘Dat sjocht in bern, Jou it ta.’

‘Rizelbrek?’

‘De streek krekt ûnder de mul, dêr’t se by in bytsje wjerstân ôfknappe,’ seit Beël

‘Jim hawwe te min beet oan dizze proai?’ Beël wol der as bêste útkomme. Oppasse no.

*

It is near, der kin swier waar komme. Se sitte oan it wetter. Se sjogge beide de slak. Se folgje him. Slakken. As bern hie er in bûsmes hân. Ja, wat hat er no ynienen mei in bûsmes. Hy hat it noch. Dat seit er. Net sa handich. Hy hie der in famke mei yn ’t wang snien. It hie him opwûn. Dat seit er net. In frou no, fansels. Se sil in man ha. Merde.

‘Wy moatte partij ha,’ seit Beël. ‘Se moatte by myn folk in earste klas ereksje oproppe.’

‘Oars giet it net troch?’

‘Oars giet it net troch.’

‘Do bist net bang dat ik foar dy in oar nim?’

‘Jo probleem dat ik net bang bin heart jo gelok te wêzen,’ seit Beël.

‘Hasto in kat thús?’

‘Nee, jo?’

‘Nee. Do hast ek net ien nedich.’ seit er.

‘Nee,’ seit Beël.

‘Se binne tûk.’

‘Wy hawwe it no net oer katten?’

‘Nee. oer de rotten dy’t klear stean en dysto net wolst. Wit Beël dat de wraak fan ofwize tûken winne sille oan krêft?’

‘Giet it jo om it doel of de apotheose?’ seit Beël.‘

Apotheose? Wat hat er foar, dy Beël.

*

Foardat se akkordearje freget Beël oft der in grins wêze kin oan it tal slachtoffers dat er offerje moat, dat jo wolle dat ik der foar oer ha.

Hy lit it yn him omgean. Wat bedoelde Beël?

‘Der is gjin grins,’ seit er. ‘Foar net ien.’

‘Der sille gefolgen wêze?’ seit Beël.

‘Der sille gefolgen wêze. Oant ik de toutsje oanlûke sil.’

‘Der is gjin kar?’ seit Beël

‘Der is gjin kar.’

*

Hy sjocht dat oan de oare kant de unifoarmen oanlutsen wurde.

Beël klear stiet.

It spul begjinne kin. It is in wûnder hoe rêstich hy is. Hoe ontspannen ek.

Hy wachtet oant de striid oer is. De boel oprêden is.

It skoatsfjild skjin en iepen foar him leit foar de apotheose. Hy de ferrieders straf taseit, de oerwinners betankt. Se gunne him syn sege.

*

Achter syn rêch ladet Beël syn gewear.

III. Langstme

Aggie van der Meer - Fers2 nû. 2.16, 23 oktober 2016

De dei-pauwe-eagen beklaaie de stoarne sibben fan ’e nacht.

Der is gjin jammer; wat se hearre is de wyn, opspyljen, ûnbedimme, wittend fan gjin ein.

*

‘Der sil fertriet wêze,’ seit se.

‘As it seizoen fan de fallende stjerren oer is, sil it fertriet oergean yn langstme,’ seit hy, priuwt de berûzjende smaak. Wol mear.

*

‘Treast it de pauwe-eagen?’ Se tinkt oan de de nacht dy’t foarby is en de nije dy’t komme sil.

‘Wat de pauwe-eagen treast, de libbene en de deade, is de geast fan Adam Sedgwick út Wales. Dy’t fertelt oer wat opslein is yn ’e stienten en wachtet yn it braaklân.’

*

‘Bisto de wachter?’

‘Oer it braaklân? De heugenis fan it braaklân?’

‘Ja.’

Hy fersoarchet it skarnikelsblêd op de grêven fan de ferûngelokke protters, begeliede troch de gersrûpen dy’t it fierdere ôflizzen fan de protters foar har rekken nimme.

‘Fertriet?’ seit se.

‘Net salang’t Adam Sedgwich noch oer langstme fertelt.’

*

Se wol no graach even tsjin him oan sitte en sachtsjes gûle.

IV. It treinemplacemint

Nachts fan ien oant seis is it treinemplacemint ferlitten.

Der is allinnich dit: de fjouwer izeren stekken, de banen mei rails, fjouwer kear trije treinen, reade, blauwe, wite en giele, de krusingen op gelikense hichte en de melding dat god him nergens mei bemuoie kin.

*

Se sliepe net, de manlju J. en M. Se wachtsje. As de folchoarder fan it iepenjen fan de stekken út namme fan hegerhân trochjûn is, is it wachtsjen oer en meitsje se har klear. Fiif minuten foar it oanhisen fan de wettertichte pakken, tsien minuten foar it ferjeien fan de dowen.

De dowen komme by it lemieren. Se sitte net yn it programma. Oars as hegerhân hawwe de manlju har by de meneuvers fan de dowen dellein. Nei in kertier stelle se de knoppen yn, fyfenfjirtich sekonden letter ferlieze de stekken de greep op it emplacemint.

Dat fan dy greep seit J. alle moarns: de stekken ferlieze de greep op it emplacemint.

Earder, as se de dowen ferjeie, seit J.: De dowen komme mei it lemieren.

De oare man, M., knikt dan.

Hegerhân wol gjin dowen. Dat ropt ûnregelmjittichheden op.

Oerienkomstich de folchoarder fan it iepenjen fan de stekken komme de earste hundert minsken op. Hûndert fan alle fjouwer kanten. De minsken hawwe al kaartsjes. De kaartsjes binne net mear jildich. Se krije nije yn de kleur fan de trein, se kinne sa ynstappe. De stim dy’t dat allegear seit maant de minsken ta stilte. De stim heart net dat se al stil binne. De stim heart allinnich himsels. De stim komt fan boppe en struit him oer it hiele emplacemint út. Gjin fersin: it is net de stim fan god.

As elk sit, presys binnen de fêststelde tiid, ride de treinen de wynstreken út. En is it emplacemint wer ferlitten.

Krekt as M. de knoppen foar it sluten fan de stekken yn de winske folchoarder yndrukt, hearre se it bern. It leit tusken de rails nei Noard. Der binne twa fragen. Hoe fettet hegerhân de ûnferwachte ûnregelmjittigens op? En twa: lit hegerhân it bern lizze?

‘Sa wreed sille se dochs net wêze?’ seit J.

Mear fan Aggie van der Meer

Ferjitten it net herinnerjen De djipsee wit syn plak, libbet mei it tij en hâldt him oan syn grinzen.
De Normale Fries 6: Tsjinstimmers Jui hie belle om oan te kundigjen dat se der oan kaam. Mei in sek joadekoeken.
De Normale Fries 5: Kontaktmomint ‘Jui is fan betinken dat de Normale Friezen tinke dat se frij binne, wyls se bang is dat dat ferbylding is.’
De Normale Fries 4: Lit it mar even gewurde Oft sy noch wat heard hie oer dat byld fan dy frou fan Eja Siepman van den Berg dy’t se yn ’t Hearrenfean út in parkje stellen ha?
De Normale Fries 3: In Spesifike man Hie ik de foto sjoen fan dy man dy’t himsels by de kiel griep?
De Normale Fries 2 Se hie it sjoen, ja. In moaie kop boppe in royale heale side yn ’e Ljouwerter ûntkomt je net gau …
Dogeman VIII As Owe it ek in idee fynt komt Afke moarn mei. Dat wie it foarstel fan Jane. Oft it de muoite wurdich wie, hie Owe frege.
Dogeman VII Owe hat fan ’e moarn it boekje der by. Der meie har yn ’e tizige dagen dêr’t se yn bedarre binne neat ûntkomme.
Dogeman VI Wat Owe fertelle koe - Jane hie de jas noch oan - wie dat dominee Wouters by Dogeman oanbelle hie en der troch dyn ‘Mona Lisa’ ynlitten wie.
Dogeman IV Dy oare,’ seit Jane, ‘net Lilian, dy trof ik fan ’e moarn, hat wat fan Mona Lisa.’
1 2 3