proaza
Ferjitten it net herinnerjen
Aggie van der Meer - Fers2 nû. 5.6, 24 maart 2019
De djipsee wit syn plak, libbet mei it tij en hâldt him oan syn grinzen.
As de jûn him oerfalt, widzet de djipsee de stjerrende dei, set de earskulpen te plak en is bang foar de nacht.
Noch is der inkeld mar fermoeden, is der net mear as it sêfte riedselachtige roppen. Wit de djipsee dat ek de fisken it fernimme sille, as se ôfsette foar de tsustere tocht omheech om boppe de planktonfjilden te beweidzjen en se de ferdronkenen moetsje, dy’t har oanbiede sille en streakje litte.
Foar de iere moarn, ferjitten it net herinnerjen, fiele se dat de weromreis betiizjend wêze sil en treastend.
Net ien fan har dy’t libje fan ’e djipsee, hie it famke sjoen dat wachte op it strân.
It hie boppe har macht west en har grins.
Mear fan Aggie van der Meer
1 2 3