image

proaza

Ferjitten it net herinnerjen

Aggie van der Meer - Fers2 nû. 5.6, 24 maart 2019

De djipsee wit syn plak, libbet mei it tij en hâldt him oan syn grinzen.

As de jûn him oerfalt, widzet de djipsee de stjerrende dei, set de earskulpen te plak en is bang foar de nacht.

Noch is der inkeld mar fermoeden, is der net mear as it sêfte riedselachtige roppen. Wit de djipsee dat ek de fisken it fernimme sille, as se ôfsette foar de tsustere tocht omheech om boppe de planktonfjilden te beweidzjen en se de ferdronkenen moetsje, dy’t har oanbiede sille en streakje litte.

Foar de iere moarn, ferjitten it net herinnerjen, fiele se dat de weromreis betiizjend wêze sil en treastend.

Net ien fan har dy’t libje fan ’e djipsee, hie it famke sjoen dat wachte op it strân.

It hie boppe har macht west en har grins.

Mear fan Aggie van der Meer

Dogeman III Owe kin him daliks net foarstelle fan hoefolle en fan hokker kwaliteit fan belibjen hy ferlet ha soe by it waadrinnen. As sechtichjierige?
Dogeman It sit Owe dwers dat Jane, nei harren petear oer de Marslâner, op ’e dyk noch in hiel libben ûnderhâld hie mei Lilian. Want …
Dogeman I ‘Stel dy dat tafreel foar,’ sei Owe. ‘Soe dat byld dyn ynteresse foar dat hûs mei sa’n namme beynfloede ha?
Heech spul: De murmurearders It hie it lûd fan it spannen fan in Dúts gewear west, krekt in oere nei de melding út Stavanger:Hjir Stavanger
Heech spul: Klankboerd Dat de hûn fan Sajet earder fan Jeroen Bosch west hie, fersmiet Sajet daliks net.
Heech spul Op de dei dat s-piper S. registrearre waard ûnder de namme Stavanger ED 05032 hie hy himsels ferlern. It wie 8 augustus.
Dukla III. Langstme en IV. It treinemplacement De dei-pauwe-eagen beklaaie de stoarne sibben fan ’e nacht. Der is gjin jammer; wat se hearre is de wyn, opspyljen, ûnbedimme
Dukla I. De Neoliberaal en II. Ferrie As Ake troch it bewustwêzens-plafond stuts, soe er net ûnderdwaan foar in trochsneed Neo-liberal
Ho Wu en Misty Mac: Klazientje Koe der dy jûns even skypt wurde? ‘Dyn heit oan ’e tillefoan, Wu,’ seit Mac. ‘Hy wol it oer Klazien ha.’
Ho Wu en Misty Mac: Wachtstan Wat Mac de lêste tiid opfalt: der wurdt te min trochtocht. Wylst de grinzen iepen gean, graach of net
1 2 3