elmar kuiper image

Fjouwerlûk fersen

Elmar Kuiper - Fers2 nû. 4.14, 23 septimber 2018

Yn in wolk fan selsfoldienens

De grûn rydbosket.

It tilt op fan fretterige wêzens.

Op drift, strike se hommels del

en bite de kop fan drystmoedige frijers.

Har fretterichheid is my folslein

ûntkommen. Ik rin op ’e wynbrauwen,

mar libje yn in wolk fan selsfoldienens.

Nimmen dy’t my de kop ôfbite kin.

Yn in dream sûnder ien

Viggo Mortensen, do likest op Viggo Mortensen,

himet se en slikket har om ’e mûle en slûpt

as in dier op dy ta. Myn roas is it epysk sintrum

gromt se en wiist nei har krús en grypt dyn hân

en stjoert de fingers oer har skamte. Sa wriuwt se

it genot der yn. Sjoch my oan, kreunt se. En ik doch

myn plicht as Viggo Mortensen en trochboarje har

mei it fleizige, waarme ark fan de skepper.

Aparte fûgel

Ik neam mysels in aparte fûgel

mar in aparte fûgel seit net

dat er in etiket plakt op himsels.

Wêrom plak ik gjin etiket

op in gewoane fûgel?

Wynt er him op

as ik him de flerken

fan in gewoane fûgel jou?

Wêrom knip ik sa’n fûgel net út

dy’t bûten myn etiket om

syn hert folgje wol?

Wat bliuwt der fan my oer

as ik in aparte fûgel

sjonge lit

en de wyn

as in kliuwbile

troch ús hinne snijt?

Trije opdrachten

Anneksearje it blomrike

mûltsje, it krûdige wurd en lit

de flibe oan de bek fan in ko.

Lûk it swithimd út, romje

it klapfee en lit klompen

oer it asfalt klotse.

Liivje Fryske Bewegers yn

en lit se rûntsjes drave

oer dyn yndustryterrein.

Mear fan Elmar Kuiper

Bekentenis en oare fersen
Bekentenis en oare fersen
Bekentenis en oare fersen Ik ha genôch triennen, se drûgje/ fansels op, lykas it lân …
Ut de bondel Stienkeal wat is de pine fan in man dy’t seit / dat it kwea yn him waakst
Ut de bondel Stienkeal hurd en keal wie de kont fan de foarútgong / doe’t ik him rûkte
Twa gedichten ut ‘Hiemsiik’ koe ik spyt mar as in sânkastiel fuortspiele litte de kiel/ fan ’e kobbe tichtknipe…
Twa nije gedichten! it reint der samar hinne en ik sis net/ dat it kloatewaar is as ik de tosken/ poets…
Fjouwer gedichten komst wer thús as in hûn dy’t de tonge rôlje/ lit oer in rau steed wolst der oer sjonge…
1 2