
Poëzy
Bekentenis
Ik ha genôch triennen, se drûgje
fansels op, lykas it lân
dat har opnommen hat.
Oan ’e sek ta wiet
kaam ik thús, nei wer
in fergeze loop.
Ik ha genôch
fan it geskriem om in bettere wrâld
en harkje nei it gehammer en geboar en Jannes’
zevende hemel op radio NL.
Ik ha in Stille Oseaan fol jankt.
➰➰
Leafste,
nei eltse oanslach
stjert in stjer
stjert in bern
stjert ambysje.
It ferstân yn ’e mûle,
is it ferstân fan in oermoedige man
is it ferstân fan in ymbesyl.
Eltse oanslach kin de lêste wêze,
eltse oanslach is in hân
foar de mûle, in kûle
yn it gesicht.
Nei eltse oanslach
in oardiel, in bloedsimmer, in moedfear,
in lege masinekeamer, in read himelkezyn
l e a f s t e
Sêd
Ik draach megawite ingelenwjukken,
sadat it noch wat liket.
Ik flean!
In roek skrast:
wat hasto hjir te sykjen?
Ik ferflok him en
d
n
e
j
e
del.
Ik bin sêd fan de wierheid.
De wierheid is sêd fan my.
Nea wer
Dat it dy net boeide, it dy aaklik
frjemd oerkaam en dochs ek sa
aaklik fertroud. Dat it bliuwe soe,
mar stoar tusken de tinen fan ’e
riuwer. Dat it fuck the duck broeide
ûnder de bynten, ivich en altyd
oan it foarste oer lizze woe, de taal
leechdronk mei it skom op ’e mûle,
ferdomme nea wer opbloeide.

Notysjes
P hat in wreed trekje om har mûle.
It gefaar ôfkeare kin ik net.
Ik byt op ’e neilen en wurkje yn it gesticht.
God iepenbierret him mei krupsjes.
In man brûkt syn stront as fingerferve.
In oare man wolveboartet yn ’e isolear.
In frou laket mei it gat op ’e hakken.
In oare frou snijt har polzen troch.
Hjoed stiet menear J op ’e depotkalinder.
Ik kak yn ’e hân.
In ko smyt mei kwakken flibe.
Myn hûs is op ’e kâlde grûn boud.
Skuorren swaarmje út as langebaanriders.
Ik hâld wanhopich de fundaminten wiet.
De wyn stjoert huningfalken nei de Sahara.
In combat plantet in flagge. Fredrickson seit:
‘We are surrounded by the dead. And by parts of the dead.’
Ik jat dy sin út: ‘My life as a foreign country.’
De dûane hellet in houten hûn út myn rêchsek.
Ik spried de earms as in earn.
Methusalem is it feintsje fan Menaam.
T ken mytyske kwaliteiten ta oan in melkershân.
Heit syn rêch kin in deunske ko hâlde.
Mem seit: Ken dysels, mar ik kin mysels net jaan.
Mem hat de kramp fan nine eleven yn ’e foet.
Ik drink har boarne leech, skyl moarn
it topke fan ’e finger.
Shot
Sa flânzet it libben in skript yninoar,
hâldt in hân in mikrofoanangel by de
hoeven fan in Arabier, skrasse hoeven
pasjintich oer de flier, rûkt it rânzich.
Ik red my wol
De simmer strykt mei in stôk oer de klaaiïge ribben.
Strielen kitelje de hûd. De kime trillet en ik kin it net
lytser meitsje. Lichte lidden drage dy. No’sto oer de
râne sweefst sjoch ik in swel dy’t oer de skerpe rêch-
bonke fan de ierde skimket. Aanst lit de moanne har
lokjende each skine, doarmesto yn ’e sânde om, dêr’t
ekers bolrûne wankjes krije, de sankjes sa soel binne,
dat it hert my optilt. It is dêr allegear wielde, dochs?
De krûpromte is ûneinich. De merjes slûgje en stjer-
hynsten ploeie de kosmos. Dat hast moai sein, hear ik
dy tinken. Fansels, ik rêd my wol, al rouwe de roeken
mei de bek iepen.De simmer stekt in gleone finger út.
It is sa brodzich en godfergetten drûch. De grûn toske-
knarset. Fierste útsloverich swimt in skuor nei de naal.
Yn ’e abeelje kek-kekt de wikel, as ik in úthaal doch, it
swit fan ’e holle fei en flok as in heiden, in grutte blau-
mich nei de oare wrâld help, wurden bargje, in rij fers
oer dy fergriem.

protters
Ik hear de deaden
dy’t yn ’e protters krûpe
en rabje oer myn fersen.
Boppe my
foarmje se in wolk
dy’t feroaret yn in
tuorrebout, urn of
plomkebiezem.
Se skite wite kwakjes
en rôlje as in swarte
weach oer de buorren.
Ik hear de deaden wol.
Se pikke it hihahoe út myn
feintekiel en litte it stoarmje.
Se reitsje my
foaral op ’e naal, mei it kopke
omheech en tsjotterjend
flerkjeswimmend.
Molke
(foar mem en heit)
Witer kin ik de dream net meitsje, as de moarn
poatsjebaait yn ’e molke en de mûle domwei
swijt. Witer kin ik de moarn net reitsje, as de dea
oan ’e fingerseinen rûkt, yn ’e bonken krûpt en ik
de oeren folrinne lit. Witer kin ik net oer jim weitsje.
Yn in wolk fan selsfoldienens
De grûn rydbosket, it tilt op
fan fretterige wêzens.
Se strike hommels del
en bite de kop
fan drystmoedige frijers.
Har fretterichheid is my
folslein ûntkommen. Ik rin
op ’e wynbrauwen, mar libje
yn in wolk fan selsfoldienens.
Nimmen dy’t my de kop ôfbite kin.

Nachtswel
Drink myn molke, myn swarte molke en
ferwachtsje net dat ik dy genêze sil. Drink
my as in smoarch himellichem, as in stjer
sûnder ljocht, as in nachtswel, soargeleas
ûnder it útspansel.
Likegoed
Yn Brussel dronk ik nei ôfrin fan in literêre jûn in Kaapse Pracht
mei in Súd Afrikaan, dy’t ik wûnder boppe wûnder ferstean koe.
‘In Fries is wreed yn ’e bek’ spruts ik op en kniep der samar út,
rûn knoffelich troch in iepenbrutsen strjitte en hearde in fracht
skerpe s ’en de hurde g fan in Arabier dy’t my sa let noch taraasde.
Ik seach skruten om my hinne en stuts hastich it krúspunt oer.
Deunby de Holiday Inn krusen ús blikken inoar. Se siet rjocht
oerein, op in stik noppeskom, yn ’e portyk fan in restaurant en
hie slaggerich hier en smoarge wangen. Bewuolle yn in jarrebrún
tekkentsje meunstere se my. It wyt yn har eagen waard in plasse,
dêr’t ik hast yn fersûpte.‘Help me sir,’ flústere se, sêft as in simmer-
reintsje, en ik stuts goederjousk de hân yn ’e bûse en tearde de beurs
iepen, mar der rûgele gjin sint út. ‘It binne likegoed minne tiden foar
dichters,’ biet ik har ta, as wie it neat. Se draaide de holle ôf en swijde.
Sânde eker
Der is neat moaier as in ko, dy’t de sturt hinne en wer
slacht, in kwak flibe oer de rêch smyt. Neat moaier as
in mich op farske stront, as sweltsjes, dy’t oer de holle
skimkje. Neat moaier as in heit efter in dampeal op in
kâlde dei yn maart, dy’t ûnferweechlik nei it ljipke loert,
wylst syn soan by de oare peal op ’e útkyk stiet, hja neat
sizze mar wol witte dat it op ’e sânde eker lizze moat.
Dizze gedichten komme út de bondel Wite mûle, swarte molke dy’t mei koarten ferskine sil by Hispel.
Mear fan Elmar Kuiper
Eeltsje Hettinga kriget de Gysbert In resinsje fan it bekroande wurk: ‘Subtiliteit is fier te sykjen.’ |
Holiday Inn Fragmintsje fan Elmar Kuiper |
Business Park |
It ferhoar Ienakter fan Elmar Kuiper |
Haagsma en Gurbe Ienakter fan Elmar Kuiper |
Autonomy is in posysje under fjoer fraachpetear mei Elmar Kuiper |
Widnersbonkje Fersen fan Elmar Kuiper |
Kaleidoskopyske blik op it resinte Fryske fers Nije poëzyblomlêzing! |
‘Dream’ en oar arbitrêr barren De romte is keal. In pop draacht in pak fan Gucci. Eva sûget … |
Tút fan Judas Politike Haiku I |