
Ut de bondel ‘Stienkeal’
blijdorp
hurd en keal wie de kont fan de foarútgong
doe’t ik him rûkte, it each him fûn op in ferlerne
snein yn blijdorp, liet er hearre dat it mienens wie
koe it him in byt skele dat ik der, sa foar it each
deagemoedereard, mei de hannen yn ’e bûse stie
blierread skrine syn jongehear
ik wist net hoe’t ik it hie, doe’t er himsels befredige
syn djipste grunt hearre liet, kâld gniisde as de ôfgod
16 maaie
ik mei graach oerdriuwe
ik mei graach oerdriuwe
neffens de peut is soks
klearebare syktewinst
sa tikket der
in bom
yn my
hoe’t ik dêr sa by kom?
it sil te krijen hawwe
mei it feit dat ús heit
in opportunist wie
dy’t yn it hert fan ús hûs
in atoomkelder útgroef
en sei dat wy der
moai boartsje koene
IX
Wat kin ik sizze.
Ut namme fan de Hear
wâdest de drompel swart.
Fielst it fertriet fan ’e weverfûgel
dy’t syn nêst bout as in trien oan ’e tûke.
Bliedst as in wytfisk oan ’e lompe
heak fan it ferstân.
Yn namme fan Allah
triuwst eksplosiven yn merkefruchten.
Ergerest dy blau oan de houtdo
dy’t omgriemt yn ’e hazzenutebeam.
Slútst in hypoteek ôf, boust
in klausule yn.
Leaust yn de foarútgong.

stienkeal
wat is de pine fan in man dy’t seit
dat it kwea yn him waakst
wat is de pine fan syn fynbonkige soan
taast er yn it tsjuster om
wylst er in tou om ’e poaten
fan it keal bynt
knoeit er de ko at er om
ramaait yn har limoer
wol er it libben as in sûvenier bewarje
tinkt er dat de dea fuortdaliks ôfdutsen
wurde moat as de blaaie út ’e bek
fan ’e Holstein hinget
wynt de tiid him op
skylt de pine
minuten as sipels
gûlt de soan
at er in ko
útlutsen hat
wat is de pine fan in man dy’t tinkt
dat it kwea yn him waakst
as in stienkeal
raast er yn it tsjuster
snijt de pine yn ’e fine
polzen fan ’e tiid
as syn fynbonkige soan
him wer oan it keal
ferskuort
de fruchtsek syn fers is
it fûl syn wurden binne
Ut de bondel Stienkeal, dy’t mei koarten by Bornmeer ferskine sil.
Mear fan Elmar Kuiper
Eeltsje Hettinga kriget de Gysbert In resinsje fan it bekroande wurk: ‘Subtiliteit is fier te sykjen.’ |
Holiday Inn Fragmintsje fan Elmar Kuiper |
Business Park |
It ferhoar Ienakter fan Elmar Kuiper |
Haagsma en Gurbe Ienakter fan Elmar Kuiper |
Autonomy is in posysje under fjoer fraachpetear mei Elmar Kuiper |
Widnersbonkje Fersen fan Elmar Kuiper |
Kaleidoskopyske blik op it resinte Fryske fers Nije poëzyblomlêzing! |
‘Dream’ en oar arbitrêr barren De romte is keal. In pop draacht in pak fan Gucci. Eva sûget … |
Tút fan Judas Politike Haiku I |