abe de vries - rink

Foar Rink, no’t er in stien krije sil

Abe de Vries - Fers2 nû. 2.17, 6 novimber 2016

Trêdzje skulpebrekkend fierder nei it easten

oer de âld spoardyk, de ûngediene achterkant

fan de arbeidershuzen bylâns, fermôge,

bryksakke túnstekken, dy’t oerhingje

as obers yn ’e kroech oare kant de sleat –

                ferdwyn dan

foarby de reiden lange skaden yn

fan iken en iperen wachters.

Dan komst út by de potskippersfeart

en sjoch, in útwrydsk ljocht falt dêr

út ’e krocht op in rychje stiennen,

nederich op ’e grûn. Yt de toarnbeien

en de roazebottels, wês sels de plestik roas,

de stoer foar it oergean, it wachtsjend papier.

Byneed: yt stien

om in namme op te dollen út in terp,

in fûstbile út it sân, in lyk út it fean.

Om in doel treffende pylkpunt fan ’e pinne

yn tiids fitrine en faaks

om in swolch út it bûsfleske.

Dy’t bedobbe leit ûnder in stobbe

wurdt aansens ûnder stjurre magma wei

mei ’t kommen en bliuwen yn letters en sifers –

               ferdwyn dan

mei in boek wer ûnder de bûken,

no’t it beskreaun is, net sa’tst kaamste,

mar oer de gieltsjes en troch it izeren stek,

de kronkeldyk mar op, oan wjerskanten wylgen.

Mear fan Abe de Vries

‘Krysttiid 1899’ of it stjonkbedriuw fan de grutten
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Keunst is altyd polityk (podcast) Gerrit Breteler oer synergy mei it publyk
It sweverige wurd ‘spiritualiteit’ (podcast) Marty Poorter wol net útlizze
Mimesis (podcast) Keunst is gjin keunstsjes, seit Elmar Kuiper
Keukenstafelpetearen de alderearste fryske keunstpodcast
De Hylkje Goinga Priis foar Frysktalige Literatuer In trochstart fan de fallite Gysbert!
De treastpoezen fan it Frysk (it frysk is sa hoopfol en de minsken snappe it net)
De sosjale kosten fan fergriemen It neoliberalisme lit jo foar alles opdraaie
1 2 3 4 5 6 7 8 9