image Fers2

Foaropwurd

Fers2 nû. 3.20, 10 desimber 2017

Opstjitte yn ’e 21-ste ieu

De KH18 is op snein sletten,” mailde skriuwer Josse de Haan ús. (Fers2 krijt selden post, mar as it sa is, dogge wy der ek wat mei.) De gemeente Drachten sil winkeliers dy’t op twa fan de drokste winkeldagen fan it jier, 24 en 31 desimber, de winkel iepen ha, flink ôfseame, “want dy sneinen binne hillich… Jezus, jezus, en dat wol Fryslân opstjitte yn de 21e ieu?” Wis. Mar topke fan ’e iisberch. Dokkum hâldt ûnbeskamsum de white supremacy heech, dy’t in kristlik probleem is, âlderwetsk ferspraat troch de tsjerken; immen in dûnmy heard dy’t him yn’t iepenbier útsprekt tsjin de ynherint rassistyske Swarte Pytfiguer? Ljouwert, dat doelberet al syn diken tagelyk opbruts, toevet noch altyd yn de tsjustere midsieuwen wat it ferbân oangiet tusken syn histoaryske ferkears­konstipaasje en heger fossile brânstofferbrûk, dus mear flechtige organyske stoffen, stikstofoksiden-, fynstof- en ‘bad ozone’-nivo’s dy’t gefaarlik binne foar minsken mei sykheljen­allergyen en astma, en boppe-al útstjit fan broeikasgassen lykas koaldiokside en metaan, makket net út dat krekt 15.000 wittenskippers alarm slein ha oer it lot fan de wrâld: “de Culturele Hoofdstad moet veel goed maken.”Rob Leemhuis & Arodi Buitenwerf, ‘Verkeerschaos in Leeuwarden: nog heel even doorbijten’, Leeuwarder Courant, 29 novimber 2017 <http://www.lc.nl/friesland/Verkeerschaos-in-Leeuwarden-nog-heel-even-doorbijten-video-22702226.html> [krigen 29 novimber 2017].

Ferfolch

It foel te ferwachtsjen

Op in kalde tongersdei yn juny 1985, dy’t ekstra ôffoel om’t it in wike earder hast tritich graad west hie, die de Rie fan ministers fan ’e EU eat dêr’t elkenien in brodsk maitydsgefoel fan krige. Op útstel fan aktrise/minister Melina Mercouri lansearre de EU in middel om de minsken tichter byinoar te bringen: de European City of Culture. Mercouri gie dea, ‘city’ waard ‘capital’ en it fergjen fan fersilver­berens (pop­events, toerisme) fan it yntegraasje­doel mutearre it kultuerstêd­inisjatyf yn ’e instant festival generator dy’t er al wer hiel wat jierren is. Logysk. Mercouri wie net allinne. Hja wie mei de Frânske minister fan kultuer Jack Lang. Lang hie al in festival kurearre en ek ien stifte. It lêste wie in ynternasjonaal teater­festival dat in rol spile yn west-east-teaterkontakten oer it izeren gerdyn hinne. It stimulearre teatertoerisme fan in supra­nasjonale toanielelite dy’t fier boppe de ordinêre minske stie. It brocht spektakel en popkultuer, ynstee fan gewoane lju fergees artistike produksjes oan te bieden. Dat se soks dochs in prachtich model foar in kultuerstêd­festival achten, soit, mar falt de goede trou net fuort as jo it net nei de humane Rie fan Europa bringe, mar nei de EU dy’t bestiet foar jild & macht?

Fers2 is der wer op 14 jannewaris 201X!

Hoe 21-ste ieusk oft de literêre kultuer is doare jo hast net mear te freegjen. Oars as oeral yn ’e wrâld, om de fraach dochs mar in bytsje yn te lieden, hat Fryslân gjin sintrum foar hjoeddeiske literatuer. In kultuer mei in histoarysk en letterkundich sintrum graaft syn eigen grêf: literatuer moat earst histoarje wêze om nijsgjirrich te wêzen. Fan ’e weromstuit is it iennichste as sadanich erkende Fryske literêre tydskrift in blomlêzendenien wurden, in trochrinnende antology fan wurk fan in sletten klupke dat himsels ensafh neamt, in bywurd dus dat komt oan it ein fan in rige om oan te jaan dat soartgelikense dingen ynbegrepen binne, klear foar it Fryske fossilebestân. Neat stimulearret hjoeddeiskens.

Wat 21-ste-ieuske Fryske literatuer ynhâlde kinne soe is net in lestige fraach, it is in foar de hân lizzende simpelenien, mar min te beänderjen om’t de Fryske kultuer net as libbene mar as deade kultuer bestudearre wurdt. Sa’t it Gysbert Japicxs­juery­rapport mei syn listke 80-wurd-efterflapteksten sjen liet, de nije literatuer, oer it hielal of as losse wurken, is gjin ûnderwerp fan stúdzje. Op ’e Bûterhoeke sil likemin as by de Amish ea ús 21-ste ieu oanbrekke. De niget dêre oan it Fryskeigen omfettet net wat juster barde omdat it in customer-focused industry is, dus mei in konstant oanbod Frysk-markante feroaringen yn ’e fierferline tiid, wat âlder wat weardefoller; it is in belang is fan suver antikwaryske aard (en nei Orwell syn 1984 witte wy: fertrou nea in antikwaar).

De fariaasje yn tekstmateriaal is grutter as de eardere kar tusken bibel, krante en leafdesbrief, is in algemien idee. Hjoeddeiske technology soe meitsje dat minsken no allerhanne alfabetyske feardichheden behearskje moatte. It lêzen fan Shakespeare soe hiel wat oars wêze as it lêzen fan in tweet en jo soene serieuze ynformaasje à la minute skiede kinne moatte fan multi-media teksten as sosjale hanneling. Mar joech de mânske en mooglikerwiis folle kreativere briefkerijwizânsje fan alearen dy feardichheden net al lang, is dan de fraach. Boppedat is min hurd te meitsjen dat jo út de ûndersteld 21-ste-ieuske lêsfeardichheden de 21-ste-ieuske definysje fan literatuer ôfliede kinne. De 21-ste-ieuske literatuer omskriuwe as ien dy’t bout op de technologyske kultuer, mei yllustrearre romans, digifiksje, graphic novels, manga, doodle fiction, blogs, e-mails en instant message novels, koartsein as lêsfoer foar wa’t net bot fan lêzen hâldt, dus faak oanbean op skoalle, mei lykas alle trendy lesmetoades de oare foarm as blyk fan ’e nije, bettere eara, dat makket âlde jern op in nij kloske. Dat pappegaait ‘21-ste ieu’ as lege reklamegjalp, dy fan—de amper ferhoalen paradoks fan—mondiale feiligens, duorsum liederskip en ‘ûnderwiisde’ (oan it gewoane folk) lykweardigens. Nije literatuer ûntstiet net trochdat de skriuwer syn guozzefear nei Tresoar bringt en in typmasine keapet.

Literatuer sels, de ynhâld, feroaret needsaaklikerwize, om’t de minske en syn wrâld feroarje. Al faak is opmurken dat al útjûne literatuer ek feroaret om’t lêzers har wrâld en referinsjestysteem feroarje en dêrtroch har ynterpretaasje fan dy literatuer. Mar dêrneist binne der feroaringen yn sjenre en styl, of yn akseptaasje fan sjenres en stilen. Yn it nije millenium mochten alle typen literatuer ynienen meidwaan, om’t de leafhawwers fan spekulatuve fiksje mei syn allen opgroeiden en ynfloed op de smaak krigen. Ek kaam de hap-slok-fuortliteratuer op en dat net yn de sin fan de erkenning fan de ynferieure literêre fast food dy’t de comic novel west hie as lang om let folwoeksen graphic novel, mar yn de sin fan bloggy koarte ferhalen en novelettes as gefolch fan de koarte omtinkenspan fan de 21-ste-ieuske útjouwer.

Ek de definysje fan sneinsrêst is dizich, mar dúdlik is dat de sunday fun day de frije man skiedt fan ’e slaaf fan de wrâldske macht.Bibel, Eksodus 20:8-11, Deut. 5:12–15, Markus 2:27. As yn fergongen ieuwen de bakker net wurkje woe op snein, wat er net woe want dan hie er in grutter probleem as inkeld in jildboete plus in driigjend strafblêd, om’t er him de lilkens fan ’e tsjerke en de morele ôfkarring & útsluting fan de mienskip oanhelle, mar as er syn winkel iepenhâlde woe op snein, wat er ek woe want alle bakkerijen wiene altyd iepen sneins, om’t minsken nettsjinsteande de sneinsrêst net opholden mei iten en brea it haadfiedsel wie sadat der hieltyd trochbakt wurde moast, dan wie der mar ien útwei. Dan hold er syn bakkersfeint oan it wurk. Yn ’e twadde helte fan de njoggentjinde wiene by Fryske bakkersfeinten wurkwiken fan hûndert oeren net ûngewoan. Der waard nachts wurke sadat bakkersfeinten gjin famyljelibben liede koene en it wurk wie sa swier, net as stressfactor mar fysyk, as tefolle kilogrammen, dat it late ta opsette hannen en earnstich fergroeide x-skonken, mei soms mear as tritich sintimeter tusken de hakken, wat it rinnen sim behindere en sa faak foarkaam dat it in eigen medyske namme hie, ‘bakkersskonken’; mar op ’e hillige rêstdei efkes frij fan dat ellindich libben wie spitigernôch ûnmooglik. De goeie kant fan it ferhaal is fansels dat de bakker net wurke op snein.

Literêre bestriding fan hypokrisy is fan alle tiden en yn alle gefallen fan in Fryske net fierder te neamen bakker út de njoggentjinde ieu.Waling Dykstra, De Utfanhûzer by de bakker (Boalsert 1860), sjoch J.W. Dykstra, W.D., syn libben en syn wurk (Boalsert 1940) 23. Better is it dêrom om de ôfwêzigens fan redeleaze winkelslutingen, ûnferhoalen rassisme en in fersmoarging dy’t amper ûnderdocht foar de krekt eliminearre slûpmoardner brúnkoal sels as tekens fan ferskowing nei in 21-ste-ieuske literatuer te nimmen.

Om’t it net oertsjûget om just fan de meast âldfrinzich oandwaande útjeften fan dit jier te bewizen dat se net fan dizze tiid binne, lykas de tribalistysk-normalistyske De trekker fan Troje—mar sis earlik, wa hie yn in Frysk boek geweldleaze kommunikaasje fan negromongoloïde agrariërs mei lgbt-kwestjes ferwachte—of Famke famke mei syn fiktoriaanske beskriuwing fan âldemantsje­problemen—it ferskriklike “ik”, brr, mar echt gjin cyberbullying of post-macho-gedoch—ha wy ynstee dêrfan de adfokaat fan de duvel loslitten op dy publikaasjes dy’t at face value it fernijendst binne. It meast postmoderne wurk dat dit jier útjûn is op papier sil Sipke de Schiffart syn dichtbondel Oan dy tinke wêze. Karakterisearring is der in ferâldere begryp. Der is in persona, ien dy’t mei in flintertin en klisjeemjittich aliby, fan dichterskip dus, de mislearre playboy-figuer úthinget, in begrutlik lyts bytsje temin ûnferskillich foar de ynwikselbere en identiteitsleaze proai oer. De bondel is ien fan de hichtepunten fan dit jier, lês it en bliuw it lêzen. Mar: op side 37 giet dan wol net winkel ticht op snein, ferwiisd wurdt lykwols nei de ultratop fan de alâlde deade wite manljus­kanon, Shakespeare syn ‘Sonnet 18’, Shall I compare thee to a summer’s day? Oef. Mear pre-millenniaal koe hast net.

Tsjilp! dan, fan Eppie Dam en Lienke Boot. Dat der op ’e Fers2-redaksje ûndúdlikens hearsket oer oft it feitlik wol ta de literêre poëzy rekkene wurde mei—soft manga?—pleitet foar syn foarútstribjende styl en foarm. Wy tinke dat miezen en skriezen har populariteit yn de provinsje F. ûntliene oan har rymjen op Friezen, wat dy soarten mear as bygelyks guozzen (rymt werklik nearne op) en beverrotten (rymt op ~ hoera 33 miljoen yn ’e pleachdier­bestridingspotten) tichterby ús bringt. It fers oer it mieske (~ lyts Frieske) en it syske (~ Fryske) wjerspegelet ús âlderwetsk smoute fisy op natuer: dy is der foar ús ferdivedaasje. Dus kom op fûgeltsjes, here we are now, entertain us! Dat dy opfetting fan de hiele fauna = ús húsbist needsaaklikerwize by it berneboek heart, is net sa. Annie MG Schmidt har útstoarne fûgel Krullevaar is wrâldferneamd en allyksa wat de floara oanbelanget de roas dêr’t Le petit prince oer hoedet en noedet as hiene de boppeneamde wittenskippers yn koar kielskrabbe. Lykwols, it ein fan it Tsjilp-lietsje is dat mieske en syske it ferrekke en fuortfryskje.

Dat liket in latinte brek nei 21-ste-ieuske literatuer, mar is it alles? In spantou om ’e tiid hat syn titel net mei as jo nei in nij millenium oerljeppe wolle. Dat wol de dichtbondel fan Marije Roorda dan ek net. Tiid is dêryn eat dat fan alle kanten dy’t er op kin fral de ferkearde kant út fljocht. Mar hoewol’t it wurk oer al it wêzentlike prakkesearret—it is dat tinken oer reële dingen dat wat nijs besiket: nonfiksjepoëzy—útsein just in keapsnein, c.q. smet op ’e blankblûnboargelike ienskipskultuer, hoewol’t it in Rodin mei nei hûs nimt, dy’t in tradisjonele coq gaulois wie, net fan doel om tsjin de âlde tiden te striden of om progressyf-ûnmaskulyn ta te jaan dat er syn modernistyske styl fan in froulik learlinkje stellen hie want wa kin ’t wat skele; hoewol’t it gjin fierdere katastrofes oankundiget, dochs docht bliken dat de see oeral mar komt en dat de tiid in ûnhâldbere, net-duorsume koerts nimme sil. Opstjitte is sa besjoen in min idee. En 21-ste-ieusker wurdt it net.

Noaten

  1. Rob Leemhuis & Arodi Buitenwerf, ‘Verkeerschaos in Leeuwarden: nog heel even doorbijten’, Leeuwarder Courant, 29 novimber 2017 <http://www.lc.nl/friesland/Verkeerschaos-in-Leeuwarden-nog-heel-even-doorbijten-video-22702226.html> [krigen 29 novimber 2017].
  2. Jonathan Hiskes, ‘How the age of Amazon is reshaping literary history’, Walter Chapin Simpson Center for the Humanities, University of Washington, 15 juny 2015 <https://simpsoncenter.org/news/2015/06/how-age-amazon-reshaping-literary-history> [krigen 29 novimber 2017].
  3. Bibel, Eksodus 20:8-11, Deut. 5:12–15, Markus 2:27.
  4. Waling Dykstra, De Utfanhûzer by de bakker (Boalsert 1860), sjoch J.W. Dykstra, W.D., syn libben en syn wurk (Boalsert 1940) 23.

Foaropwurd

Fers2 nû. 3.19, 26 novimber 2017

Unofhinklik (lês: unkritysk) is ek in ideology

image Fers2

In treinkûpee fol IDFA-besikers, it is wer novimber. Sels krekt Amal sjoen, yn in grutte mar grôtfolle seal, want in sosjaalkritysk filmke sjen is in noflike manier om jo te engazjearjen, ien dy’t genôch romte yn jo aginda lit om jûns mei in spik & span gewisse de Thanksgiving-kalkoen oan te snijen. Mar noch mar trije minuten yn ’e dokumintêre freget Amal, it Egyptyske fanke dat har coming of age docht tusken twa revolúsjes en oanhâldend geweld en gaos—‘Arabyske maityd’—troch: “Wat feroare?” As ferstiene wy gjin Egyptysk of begriepen wy gjin mimyk en kontekst, de ûndertitel werhellet, minder retoarysk en direkt oan it publyk: What changed? Mar no is it in oare fraach. Net langer giet it om ’e sinleazens fan it folksferset en de fergriemde bernetiid fan in hiele generaasje Arabyske jongerein. No stelt de filmmakker himsels en ús de fraach: feroaret it fertellen fan it ferhaal wat?

Nei Upton Sinclair syn The jungle kaam der in fleisynspeksjewet en letter de Food and Drug Administration. Mar dat wie net foar de fabryksarbeiders. Al ferbetteren de wurkomstannichheden wol, om’t it skjinner waard, de hygiênemaatregels wiene foar de konsumint. Nei Kafka’s Die Verwandlung feroare der neat dat wy witte. Huxley syn Brave new world, ek ynspirearre troch yndustry, feroare likemin wat sichtbers. Immen dy’t wit wat der feroare troch ‘The chimney sweeper’ fan William Blake? Wierskynlik neat yngripends, want dan hiene wy it witten. Sosjaalkrityske literatuer helpt miskien wol tsjin it ûnrjocht en lijen, mar der is gjin bewiis. Sosjaal kommentaar yn jo keunst dogge jo dus net om jo ferlet fan in goeie útkomst. Jo dogge it om it universele morele prinsipe—of jo dogge it net.

Fryslân hat sa goed as gjin sosjaalkritysk sjenre fuortbrocht. Tony Feitsma sei ris: “It (yn positive sin) sintraal stellen fan Domela-oanhingers yn guon boeken fan Rink van der Velde jout sa te sjen gjin argewaasje by it hjoeddeiske fryske lêzerspublyk. It kin wêze dat it sosjale engaazjemint yn de fryske literatuer akseptearre is.”A. Feitsma, Literatuersosjologyske fraechstellingen yn de Fryske literatuer, Trotwaer 7:3 (1975) 114-123, 114. ‘Akseptearre’ sosjaal engaazjemint dêr’t gjinien lilk om wurdt: it klinkt as repressive tolerânsje, as it kanalisearjen fan maatskiplike ûnfrede yn boekjes fol krityk, dy’t wy dan ‘literêr’ en ‘fiksje’ neame, dus neat om polityk earnst te nimmen.

It is hip om keunst te behanneljen as polityk. Jo triuwe in akteur mei in kleurke yn jo toanielstik en jo kulturele haadstêdferdive­daasje komt yn it evaluaasjerapport as ferbettering fan de kondysjes foar de groep mei in soartgelikens kleurke, ek al krijt dy net mear útsjoch op in baan—wiene de mei alle macht ferdigene Dokkumer Piten net allegearre wyt?—of hegere maatskiplike kânsen. Tagelyk kinne jo foeterje op yndividuele keunstwurken, of better noch op de keunstner dy’t se makke hat, as dy wat ferfelends sjen litte, mar jitris: it is gjin sjoernalistyk, it is mar keunst. Want sadree’t jo sosjale krityk tastean as serieus ûnderwrot dat de kohesy fan ’e Fryske mienskip. It is bekend dat kulturele subgroepen it mier ha oan oarstinkers binnen har mienskip; der binne boeken by ’t soad skreaun oer exit-rights en beskerming fan de stim fan de inkeling as ienris it kollektive rjocht fan dy subgroepen garandearre wie.

De Fryske literatuer fan no moat it sûnder sosjaal kommentaar dwaan en meastal sels hielendal sûnder maatskiplike substânsje. Jetske Bilker skriuwt oer twa of trije figueren dy’t opinoar rjochte binne sûnder dat de wrâld der in spjeld tusken krije kin, as operearren hja yn in akwarium fan ynbraakfrij glês. Sa, as ûnwerklik en ûnthecht, kin ien syn bestean wiswol belibje, net inkeld yn it Kairo fan Amal mar ek hjir yn Fryslân, en it hie moai west as Bilker, of in oar, skreaun hie oer de derealisaasjeferskynsels fan in frou dêr’t gjinien noch ferlet fan hat, op in fletsje yn Ljouwert. Hein Jaap Hilarides idem dito, hat it oer de persoanlike ferhâldingen tusken de karakters sûnder sjen te litten dat, lit stean hoe’t, dy bannen makke wurde troch sosjale struktueren. Yn syn lêste roman leit Hilarides dêrneist gjin sosjaal ûnrjocht of ymmorele tastân bleat, mar komt op foar de beropsbelangen fan in sektor dy’t troch de jierren hinne syn eigenbelang mei geweld, fraude, korrupsje en mei in enoarm súkses ferdigene hat.

De karakterskets mei doelen en motiven dy’t net maatskiplik ynbêde en rjochte binne, mar yn in bubbel fan eigen winsken, is gelikens oan dy fan de heechste sjochsiferlûkers, lykas de MTV-pubersearjes, Boer siket Wiif en de grutte fuotbalkampienskippen. Wat it lêste oangiet, epyk, lykas yn ’e boeken fan Schoorstra—eins gjin literatuer mar dêr yn Fryslân wol ta rekkene—draacht by definysje de dominante sosjale wearden en noarmen oer; sosjaalkrityske epyk bestiet net.

Oan ’e oare kant, de ûnmaatskiplikens yn de karakterisearring yn Tiemersma syn Einum hie sosjaalkritysk brûkt wurde kinnen. De setting oan it ein(um) fan ’e wrâld, dêr’t net inkeld homo sapiens mar alle keppelbisten de eksimplaren hinne skoppe dy’t net mear nuttich of feilich foar de groep lykje, hie op sosjaal kommentaar útrinne kinnen. Mar dat kin just net as de karakters gjin slachtoffer binne fan politykmaatskiplike prosessen dy’t oer har hinne walse, mar frij kieze foar har rânebestean yn in krimpdoarp. Dêrboppeop leit Einum de boarne fan ûnrjocht en ymmoraliteit yn de figueren sels, sadat it net oars kin as dat de minne karren har opsteapelje, net inkeld foar heppepkweek, pornohannel en sekswurk an sich mar ek yn ’e ûnmooglike bedriuwsfiering dêrfan—dêr’t Tiemersma gjin research foar dien hat. Undersyk yn de werklike wrâld is in sine qua non foar sosjale krityk; Sinclair wurke sân wiken yn in fleisynpakfabryk foar syn Jungle. Dat Tiemersma soks net die tsjut derop dat syn doel oars lei: yn bekrêftigjen fan de maatskiplike status quo en mores. It boek wûn de Gysbert Japicxpriis.

It kin dus wol sa wêze dat de Fryske skriuwer him ôffreget oft sosjaal kommentaar ‘eat feroaret’ en beslút dat dat net sa is en it sitte lit, mar hoe kin er dat beoardielje, oars as yn syn eigen perspektyf dêr’t feroaring it bêste it ferlet fan de skriuwer tsjinnet? Is net it kritisearjen fan wat ferkeard is, as morele die op himsels, in feroarjende hanneling? Mar foar sa’n opnimmen fan sosjaal of polityk engaazjemint yn keunst liket de yntegriteit te missen. In krantestik leit yn ûnûnderboude ‘post-truth’ generalisaasjes, swart-wyttinken en neatsizzende abstraksjes—lykas “Friese smaak in de richting van ruimte, leegte”—de grand narrative fan keunst en maatskippij út as dong oer it lân. De kulturele haadstêd-sponsored content falt hûndert persint gear mei de Fryske ynstitúsjonele en ideologyske kennis: dat it trochsnijen fan it engaazjemint fan de skriuwer mei de maatskippij kaam troch in pamfletsje fan Fedde Schurer yn 1946 en hjoed noch fêst stiet.Bert Looper, ‘Elf grillige, figuratieve fonteinen; slaat de rechte lijn straks terug?’, Friesch Dagblad, 25 novimber 2017, 11. Maatskiplik-engazjearre skriuwen is deagewoan gjin literatuer mear.

It kranteartikel bringt it pseudowittenskiplike idee dat skiednis de takomst foarsizze kin, sadat de Fryske keunstskiednis—dy’t net bestiet; keunstskiednis is net nasjonaal organisearre—orakelet dat yn 2018 yn Fryslân in revolúsje syn beslach krije sil. Want takom jier sille alve wetterobjekten yn de iepenbiere romte “ons mentale beeld van Fryslân … de Friese smaak en esthetische norm” op syn kop sette. Dat is folsleine ûnsin, net inkeld út keunstkritysk perspektyf wei. It sit sa: de revolúsje hat al lang west hat. Yn 1998 die in ferneamde keunstkritikus wat keunstkritisy ornaris dogge, nammentlik út it brede, ynherint rjochtingleaze ferskaat fan keunstuteringen streamingen klassifisearje. Dêrby distilearre er de beweging dy’t net útgiet fan de ûnôfhinklike hege posysje fan de keunstner, mar fan de “fonction des relations interhumaines qu’elles figurent, produisent ou suscitent”, mei keunstwurken dy’t op dy merites, fan ‘publykspartisipaasje’ en sa, hifke wurde moatte.Nicolas Bourriaud, L’esthétique relationnelle (Dijon: Les presses du réel, 1998) 117.

Jo hiene de keunstyndustry net blider meitsje kinnen. Al gau tsjinne it begryp “relasjonele keunst” it fieren fan jetsetfeestsjes mei in boartlik keunsttema. Ek de diskusje oer de mooglikheid fan keunst as sosjale hanneling, mei in eksplisyt politike strekking, en hoe dat bûten de kultueryndustry—oftewol de ‘akseptaasje’—te hâlden, hat al lang syn beslach krigen. Mar fan de nije omslach yn it tinken oer keunst as radikale krityk hat Fryslân likemin wat fernommen. En it kranteartikel makket ús net wizer.

Yn deselde krante siet de victory speech fan de Fryske dichter mei de measte bûter op ’e holle. Nei de selsreklame, healweis, falt it begryp “maatskiplike relevânsje” út de loft, fan de kulturele haadstêd, dus folget de reklame dêrfoar, en dan, as hie dy kulturele haadstêdpromoasje hielendal net krekt derfoar syn beslach krigen: “Unôfhinklikens betsjut dat ik nimmens slippedrager bin, net fan de polityk, noch fan hokker ideology ek.”Eeltsje Hettinga, ‘Yn it meitsjen bin ik myn wurden’, Friesch Dagblad, 25 novimber 2017, 31. Maatskiplike relevânsje hat lykwols neat mei in dielde wearde of in konkreet belang te meitsjen en is sa wikseljend as it waar. Wichtiger is dat de dichter sadree’t er beneamd is ta dichter fan it folk, net mear ûnôfhinklik is mar yn funksje, om in stim te jaan oan wat der omgiet tusken de minsken. En ûnôfhinklikens is in ideology. Dy fan: earst as yndividuen leard ha it ktitisearjen fan ûnrjocht dat oaren oandien wurdt stoïsynsk te fersmiten, dan krekt is sosjale feroaring mooglik.

Sosjaal kommentaar is gjin literatuer, skriuwers miene dat hja ‘ûnôfhinklik’ binne of wêze moatte en ûnrjocht is jins eigen skuld: dêrom hoecht Fryslân gjin sosjaalkrityske literatuer. Oft it wat feroaret, dy fraach komme wy net iens oan ta.

Noaten

  1. A. Feitsma, Literatuersosjologyske fraechstellingen yn de Fryske literatuer, Trotwaer 7:3 (1975) 114-123, 114.
  2. Bert Looper, ‘Elf grillige, figuratieve fonteinen; slaat de rechte lijn straks terug?’, Friesch Dagblad, 25 novimber 2017, 11.
  3. Nicolas Bourriaud, L’esthétique relationnelle (Dijon: Les presses du réel, 1998) 117.
  4. Eeltsje Hettinga, ‘Yn it meitsjen bin ik myn wurden’, Friesch Dagblad, 25 novimber 2017, 31.

Foaropwurd

Fers2 nû. 3.18, 12 novimber 2017

Ynspiraasje

image Fers2

De dichter “hat har foar har nijste boek ynspirearje litten troch de midsiuwske poëzy” en de yllustrator foar har poëzy-mei-printebondel “liet har hjirby û.o. ynspirearje troch it boek Sorcerer’s Screed,”Redactie, ‘Nij ferskynd: De Weddenskip, ferhalen út de Edda fan Lida Dykstra’, Groot Sneek, 1 novimber 2017 <http://www.grootsneek.nl/2017/11/01/nij-ferskynd-weddenskip-ferhalen-ut-edda-fan-lida-dykstra/#prettyPhoto> [krigen 3 novimber 2017]. dat in plateboek is. In oare dichter “maakte eerst kleurrijke abstracte beelden, (‘collages van dun beschilderd papier,’ legt de dichteres achterin uit) en maakte daar een gedicht bij.”Jelle van der Meulen, ‘Elske Kampen – Ynbyld (2017)’, Friese literatuursite, s.a. <http://www.frieseliteratuur.nl/elske-kampen/> [krigen 3 novimber 2017]. Dyselde dichter lit har no opnij ynspriearje troch har noch skilderwurk, “oarssoartige bylden … noch minder in ynhâld suggerearjend”, sa’t hja sels seit.

De poëzij-mei-paatsjekombinaasje is mar al te bekend út de bernerymkes. Dy folgje gewoanlik it Suske-Wiskeskema. De tekst is sekeure plaatsjeútlis, wat de lêzerkes al jong leart dat it iennichste ferskil tusken ynspiraasje en imitaasje de bedoeling fan de dichter is. Miskien begjint elkenien wol by plagiaat, mar dêrnei, holpen troch de wet, skeakelje de serieuzen oer op ynspiraasje.Plato, ‘Fedrus’, 247c-e, 251a, Perseus, s.a. <http://www.perseus.tufts.edu/hopper/text?doc=Perseus%3Atext%3A1999.01.0174%3Atext%3DPhaedrus%3Asection%3D247c> [krigen 3 novimber 2017]. Mar de oergong fan oraal nei papier joech de folwoeksenenpoëzy just romte foar yllustraasjeynpiraasje dy’t neifolchber wie foar de lêzer, Sykje de Ferskillen, en dy’t dêrom al gau bedarre yn ynspiraasje­dekoraasje. Hieltyd goedkeapere printmetoaden laten yn Fryslân ta it wêrom net-prinsipe: it plaatsje fan de kym fan jo poëzy komt by jo gedicht, of jo moatte al in hiele goede reden ha om dat net te dwaan. Want plaatsjes ynspriearje, sa litte de boekhannel­kassa­keapkes sjen, ta boekkonsumpsje. Lêzers hâlde fan kleare kleurkes op glânzgjend papier en it plaatsjeboek foarmet in risikoleas jierdeiskado.

Ferfolch

Opskuorgebieten

presintaasje fan de nije dichtbondel fan Abe de Vries

flyer opskuorgebieten

Brief oan noach

Se hawwe dêr gjin bergen. Wol spierballen,

    privatisearre neffens bestean út ierde, kuil of hea.

Dizze minske hâldt it mei parket en plestik;

    it is de ekonomy, domme lul, kinst it witte.

Foar belibbers zijn dure kaartjes tickets;

    de Fryske dichter hat syn tiid fersitten.

Snein 26 novimber 2017, 15:00, Groate Kerk, Sint Jabik, entree € 10.

Oft plaatsjes ta literêre ekspresje ynspirearje is in oar ding. In pear jier lyn begûn de Underwiisôfdieling fan The Museum of Modern Art (MoMa) yn New York mei in oparbeidzjen mei dichters dy’t by de skilderijen wurk foarliezen. Dichtsjen oer skilderijen is in âld gebrûk. ‘Musée des Beaux Arts’ fan W.H. Auden is bekend: “About suffering they were never wrong, / The Old Masters: how well they understood / Its human position.” Ek Fryske dichters litte sjen dat se net fan de strjitte binne en har klassiken kenne, Eeltsje Hettinga oan top: “rauwe // spoeken út Europa’s grûnige ûnderlagen. Fij, / net ferkomme wol myn hân, hjir al ezeljend ...”Nei Max Beckmann syn triptyk ‘Abfahrt’, 1932/33, Frankfurt am Main, Berlin; hinget yn The Museum of Modern Art, New York. Mar oer it etalearjen fan it dichterssnobisme gie it MoMa-eksperimint net.

When visiting a museum … it’s easy to wander around without pausing to look at specific works of art. … Even when you do stop to look at a work of art, sometimes it’s hard to engage with and interpret what you’re looking at. The label tells you the artist, year, and title, but beyond that it’s up to the viewer to make sense of a work of art.Jacky Armstrong, ‘Combining poetry with visual art to see (and feel) in a new way’, MoMa Learning, 16 oktober 2013 <https://www.moma.org/learn/moma_learning/blog/combining-poetry-with-visual-art-to-see-and-feel-in-a-new-way> [krigen 3 novimber 2017].

Dat is better fan net, wie it MoMa fan betinken.Taktysk laten hja de taskôger dy’t op eigen manneboet oan it betsjuttingjaan drige te slaan werom, mei it bekende praatsje by it plaatsje, diskear net fan in museum­marketing­spesjalist, alias Museum Educator, mar fan in dichter. Dy dichter ûntliende de titel fan ’e bondel dêr’t er út foarlies oan Andy Warhol syn ‘Death and Disaster’-searje—dêr’t Warhol nammers ta ynsprirearre wie troch syn kurator dy’t blikken sop en Cola by’t soad hie en Warhol opdroech: “It’s enough life, it’s time for a little death.” Wat de MoMa-dichter ta de ynhâld fan ’e bondel ynspirearre is ûnbekend. Miskien wie dat de titel fan Warhol syn seefdrukken, mei de alliterearjende bylúden en it ritme. Of it wie wat dy titel draacht, dus de net-skildereftige monogromen mei swarte inket. Mar nei alle tinken, want de bondel bestiet út nijs­transkripsjes fan wierbarde rampen, wie it de oanberne minsklike fassinaasje dêrfoar, oftewol de harkers dy’t as miggen op ’e sjerp op ramptafrelen ôfkomme, mei oare wurden: wat ynspirearre wie de muze fan celebrity en narsisme.

Mar sis net dat rampen net ynspirearje ta keunst. Op it stuit dat Tolstoj oan syn Oarloch en frede begûn wie er de jonge Russyske literator fan wa’t hiel wat ferwachte waard, ek al hie er yn jierren neat skreaun; hy wie om sa te sizzen de Reindert Meitsma fan Ruslân. Dat skriuwen kaam der ek net echt fan en rûn hielendal op ’e non doe’t Tolstoj syn hynder him der ôf smiet. Under it gewicht fan Tolstojs liif bruts de earm en rekke út it lid. No koe er syn buorkerij net djipper yn it ûnleech stoarte, noch fierder feestfiere mei syn maten, plus dat syn frou him ferpleegje liet by de skoan­famylje, en seis wiken letter ferwûne Tolstoj de earm opnij troch in mei pistoal te sjitten. It wie dy ûngelokkige situaasje dy’t Tolstoj fia Napoleon, de man mei de mitellahâlding dy’t “a common stance for men of breeding” wie,Arline Meyer, ‘Re-dressing classical statuary: The eighteenth-century ‘hand-in-waistcoat’ portrait’, Art Bulletin (College Art Association of America) 77:2 (1995) 45-64. brocht by Napeleons syn misbetearde Russyske fjildtocht fan 1812. It gefolch is bekend.Ivan Alekseevich Bunin, The liberation of Tolstoy: A tale of two writers [1937] (Evanston, IL: Northwestern University Press, 2001) 232. Yn jannewaris 1865, in pear moannen nei de ûngemakken, skreau Tolstoj oan ’e dichter Afanasy Fet: “Do you know what a surprise I have in store for you? After a horse threw me to the ground and broke my arm, and just after I recovered consciousness, I said to myself: ‘I am a writer. And I really am a writer, though an isolated and furtive one.’ In a few days the first half part of Part One [of War and Peace] will appear.”

It aparte is dat in persoanlike ramp wol mar in artistike ramp net liket te ynspirearjen. Poëzy ynspirearre troch byldzjende keunst is sûnder útsûndering ynspirearre troch prachtige skilderijen en, wat jo ek fan Warhol syn polityk laden grouwelsearje tinke, net troch mislearre stikken dy’t yn in tsjutser hoekje fan it atelier stean te fertjirmjen. De wrâld moat oantreklik ferbylde wêze, wol dy tsjinje kinne ta ynspiraasje. Allyksa is dat mei ynspiraasje troch it lânskip: planologyske rampen ynspirearje sa te sjen net, alteast, net de keunstners ta keunst. Friezen sizze graach dat it lânskip har ynspirearret, gewoanlik it Fryske lân en net bygelyks de woastyn of it heechberchtme, en boppedat steefêst it oantreklike lânskip.

Durk van der Ploeg fynt ynspiraasje yn de wide, romme wrâld fan ’e Dongeradielen fan syn bernetiid, “in wrâld dy’t syn ein net koe en dy’t ek mooglikheden yn him droech. … Wy ûndieken yn it neat wat en dat fûn ik altiten de grutte keunst.”‘Skriuwers yn byld: Durk van der Ploeg’, Omrop Fryslân, 3 juny 1990 <https://www.weromrop.nl/frl/utsjoering/skriuwers-yn-byld-durk-van-der-ploeg> [krigen 3 novimber 2017]. De eroatyske knypeach kin nimmen ûntkomme, dus likemin dat dy ynspiraasje ûntspringe moat oan in lânskip dat metafoarysk is: dat net bestiet. De withoefolle kante kilometers asfalt op nei Dokkum en de safolste útwreiding fan it bedriuweterrein dêre represintearje einleaze mooglikheden yn negative sin: it is mislearre lânskip. En komt de ynspiraasje út de oantinkens oan it earder wol besteande lânskip, dan binne dêrfoar yn it ûnthâld ûnwurkber grutte gatten slein. Want as George Orwell seit fan “I saw a little boy, perhaps ten years old, driving a huge cart-horse … whipping it whenever it tried to turn. It struck me that if only such animals became aware of their strength we should have no power over them, and that men exploit animals in much the same way as the rich exploit the proletariat,”Jeffrey Meyers, Orwell: Wintry conscience of a generation (New York: W. W. Norton & Company, 2000) 248. dan leauwe jo dat om’t it konkreet is. It jonkje hat sels in leeftyd. Mar it meast konkrete dat Van der Ploeg oer it lânskip wit te neamen is it ‘neat’—dêr’t de ‘bylden mei noch minder ynhâld’ fan de boppe­neamde dichter in opmerklike echo fan is. Dus, of der is in fersin oer de oarsprong fan ’e ynspiraasje, of dy ynspiraasje kin net folle foarstelle want dy komt út fergetten saken.

Fryske lânskiplike ynspiraasje is dan idele boekpromo. Óf it moat wêze dat de skriuwer ynspiraasje siket yn in abstrakt konstrukt dat er op de iene of oare manier út it lânskip lutsen hat: yn skientme. Dat ferklearret ek it populêre ynspiraasjesykjen yn skilderijen. Ommers dy binne in estetyske fertsjintwurdiging fan de wrâld dy’t ynherint minder harmoanysk is. Mar as jo ynspiraasje fine wolle yn skientme, ha jo in probleem, sinjalearret Elias Canetti.

Beauty has something very familiar, yet very remote as though it could never have been familiar … It is richer in the mysterious ways of remoteness than anything you have within yourself … Any ancient thing has an easier time being beautiful because it was long buried and gone. The traces of its disappearance as a patina contribute a great deal to beauty.Elias Canetti, The human province, oers. Joachim Neugroschel (New York: The Seabury Press, 1978).

Obe Postma syn ferhearlikjen fan it lânskip en syn metafoarysk brûken fan it liif yn ferhâlding ta it lânskip—wat oars fûneminteel is yn ’e westerske wrâld en net in útfining fan Postma—mei it Fryske liif en minsken dy’t lânskip binne en de jouissance yn it belibjen fan it lânskip,Obe Postma, ‘’t Wie snein’ [1905], yn Obe Postma, Abe de Vries (gearst. en ynl.), Obe Postma - It sil bestean. Blomlêzing (Ljouwert: Utjouwerij Frysk en Frij, 2004) 88. “Hoe dûnse myn Fryslân yn jonge pronk, / Sa kin de simmer begjinne! / No iepen, no iepen, yn blomme! / Jou minske dy del oan it ierde-hert / En lit it oer dy komme!” Sjoch ek de ‘Eros yn de greide’-artikels fan Abe de Vries yn Obe Postma - It sil bestean. Blomlêzing. is altyd in loovjen fan it fantasylânskip. It hat in ‘opgroeven’ skientme. Alle ûnestetyske en mar al te konkrete aspekten lykas earmoed, sykte, misdie en ynsest fan de bewenners binne fuortsliten; Postma’s vaselinelins lit it mystearje yn stân. As it om de skientme giet, dan tsjinje ferdizene plaatsjes de ynspiraasje better. It ferjitten bringt de ynspiraasje. Boppedat set in bern, sa seit D.H. Lawrence oer ynspiraasje, mei syn healfoarme fantasy syn waarnimmingen om yn betsjoenende wrâlden, net yn besteande plakken.D.H. Lawrence, ‘Hymns in a man’s life’ [1928], yn Joy en Raymond Williams (red.), Lawrence on education (Londen: Penguin Books, 1973) 225.

Mar as it net foar jo klear stiet, as de harsens har folslein ûnkontrolearbere amnestyske en fantastyske wurk derfoar dwaan moatte,Cf. T.S. Eliot, The use of poetry and the use of criticism: Studies in the relation of criticism to poetry in England [1933] (Cambridge, MA: Harvard University Press, 1986) 137. “I know, for instance, that some forms of ill-health, debility or anaemia, may … produce an efflux of poetry.” wêrom jildt ynspiraasje dan as o sa wichtich foar de keunst? Dêrby, wêrom hâlde oerheden út dat ynspiraasje net inkeld wichtich is op persoanlik nivo mar ek, just, op maatskiplik nivo, ja sa wichtich dat deputearre Kramer, dy’t blykber Faust net ken en dúdlik de esoteary fan it ynspiraasjekonsept fier overhyped achtet, dy ynspiraasje lokket mei wielde, en wol mei 2018 euro: “Fryslân brûst fan de inisjativen. … Dat jout ynspiraasje foar noch mear nije projektideeën!”Deputearre Johannes Kramer. ‘€ 2.018,- voor mienskipsprojecten’, Provinsje Fryslân, s.a. <https://www.fryslan.frl/beleidsthemas/nieuws-en-nieuwsbrieven_41594/item/2018-voor-mienskipsprojecten_5413.html> [krigen 3 novimber 2017].

De measte skriuwers sykje gjin ‘skientme’; se wolle gewoan dat wat se betocht ha delsette. Ynspiraasje is wat oars yn ’e roman­tyske literatuerkrityk as yn de psychology fan kreativiteit dy’t de lumige muze omformulearret nei de motivaasje om jo kreative idee te ferwerklikjen; guon minsken fiele in twang om te hanneljen nei har kreative ideeën en oaren net.Victoria C. Oleynick, Todd M. Thrash, Michael C. LeFew, Emil G. Moldovan en Paul D. Kieffaber, ‘The scientific study of inspiration in the creative process: challenges and opportunities’, Frontiers in Human Neuroscience 8:436 (2014) 1-8. In fierdere dekonstrukjse fan it mei de earms oerinoar klearsitten foar de ynblazing fan moaie ideeën jout it deistich skriuwen. Yn ’e skriuwpraktyk is ynspiraasje benammen ‘dat wat makket dat de skriuwer trochskriuwe kin.’ Dat is, jo fiele it al oankommen, net it genietsuchtich wachtsjen oant it komt, en yndie sizze fulltime skriuwers en haad- en einredakteur Wong en Cheese dat as skriuwers

do their thing, on time, consistently every time, that in some cases this can trump some of the more fundamental aspects of creativity.

Once you get to a place where you have no option to not do it, you develop a lot of tools and coping mechanisms … writer’s block is a problem for hours, not weeks at the time.

When you write for a living [instead of fun] writer’s block is not an option.Jason Pargin [David Wong] en Mack Leighty [John Cheese]. johndiesattheend, ‘Fan Questions With David Wong And John Cheese’, Youtube, 22 augustus 2017, 44:20, 1:00:00 en 1:00:30 <https://www.youtube.com/watch?v=uBOQLWgR6Ps> [krigen 3 novimber 2017].

Definiearje jo ynspiraasje as ‘wêr’t de gedichten wei komme’ en freegje jo Pulitzer Prize-winners, poet laureates en poëzijprofessors, lykas Oprah Winfrey ris die, dan rispje jo soartgelikense profaniteiten.

Poems come from ordinary experiences and objects, I think. Out of memory—a dress I lent my daughter on her way back to college; a newspaper photograph of war; a breast self-exam; the tooth fairy; Calvinist parents who beat up their children; a gesture of love; seeing oneself naked over age 50 in a set of bright hotel bathroom mirrors.Sharon Olds, winner fan de 1984 National Book Critics Circle Award foar The dead and the living. ‘Where Do Poets Get Their Inspiration?’, O, The Oprah Magazine, april 2011 <http://www.oprah.com/spirit/where-poems-come-from-inspiration-for-poetry> [krigen 3 novimber 2017].

Mar lykas dat de politike ekonomy fan identiteit net om ’e nocht is, want it ‘ûntfryskjen’ fan Fryslân kostet toeristen likegoed as lokale folkloare-omset sadat de oerheid him net gau ûntfalle litte sil dat Frysksinnigens mar in byleauwe is, sa is ek de ideology fan ynspiraasje ekonomysk nijsgjirrich. Dus fansels bestiet ynspiraasje as romantyske seldsumheid dy’t jo tafalle moat! Mar allike fansels kin dy ynspiraasje bêst in hantaast holpen wurde, fersekerje Jelma Knol en Piter Boersma. Jawis, troch lânskip.

Faaks hast, ast al wat langer skriuwst, ferlet fan nije ynspiraasje. Hoe kinst dyn wurk opfrisse, nij libben ynblaze ast tinkst datst yn blokkades of rûtines fêstrinst. Us poëzy- en proazaoefeningen kinne dy dêrby helpe.

Lit de Skylger wyn en natuer de holle leech blaze … yn in ynspirearjende omjouwing.‘Fersterkje dyn skriuwtalint!’, Afûk, 9 febrewaris 2017 <https://afuk.frl/newsItem/1208?language=fy> [krigen 3 novimber 2017].

Sa’n “kreatyf wykein om frisse ideeën op te dwaan” kostet foar folpinsjon—“pension” sizze de beide redakteuren fan ensafh, as hiene jo nei “opfrisse” en “omjouwing” net al genôch twifels oer har behearsking fan ’e Fryske taal—minus de reiskosten al 230 euro. Mar gean der foar dy priis mar fan út dat, as it wynstil waar is en it de natuer ek net slagget om te blazen, it pinsjon glêsheldere badkeamerspegels hat, foar jo ynspiraasje.

Noaten

  1. Redactie, ‘Nij ferskynd: De Weddenskip, ferhalen út de Edda fan Lida Dykstra’, Groot Sneek, 1 novimber 2017 <http://www.grootsneek.nl/2017/11/01/nij-ferskynd-weddenskip-ferhalen-ut-edda-fan-lida-dykstra/#prettyPhoto> [krigen 3 novimber 2017].
  2. Jelle van der Meulen, ‘Elske Kampen – Ynbyld (2017)’, Friese literatuursite, s.a. <http://www.frieseliteratuur.nl/elske-kampen/> [krigen 3 novimber 2017].
  3. Plato, ‘Fedrus’, 247c-e, 251a, Perseus, s.a. <http://www.perseus.tufts.edu/hopper/text?doc=Perseus%3Atext%3A1999.01.0174%3Atext%3DPhaedrus%3Asection%3D247c> [krigen 3 novimber 2017].
  4. Nei Max Beckmann syn triptyk ‘Abfahrt’, 1932/33, Frankfurt am Main, Berlin; hinget yn The Museum of Modern Art, New York.
  5. Jacky Armstrong, ‘Combining poetry with visual art to see (and feel) in a new way’, MoMa Learning, 16 oktober 2013 <https://www.moma.org/learn/moma_learning/blog/combining-poetry-with-visual-art-to-see-and-feel-in-a-new-way> [krigen 3 novimber 2017].
  6. Arline Meyer, ‘Re-dressing classical statuary: The eighteenth-century ‘hand-in-waistcoat’ portrait’, Art Bulletin (College Art Association of America) 77:2 (1995) 45-64.
  7. Ivan Alekseevich Bunin, The liberation of Tolstoy: A tale of two writers [1937] (Evanston, IL: Northwestern University Press, 2001) 232. Yn jannewaris 1865, in pear moannen nei de ûngemakken, skreau Tolstoj oan ’e dichter Afanasy Fet: “Do you know what a surprise I have in store for you? After a horse threw me to the ground and broke my arm, and just after I recovered consciousness, I said to myself: ‘I am a writer. And I really am a writer, though an isolated and furtive one.’ In a few days the first half part of Part One [of War and Peace] will appear.”
  8. ‘Skriuwers yn byld: Durk van der Ploeg’, Omrop Fryslân, 3 juny 1990 <https://www.weromrop.nl/frl/utsjoering/skriuwers-yn-byld-durk-van-der-ploeg> [krigen 3 novimber 2017].
  9. Jeffrey Meyers, Orwell: Wintry conscience of a generation (New York: W. W. Norton & Company, 2000) 248.
  10. Elias Canetti, The human province, oers. Joachim Neugroschel (New York: The Seabury Press, 1978).
  11. Obe Postma, ‘’t Wie snein’ [1905], yn Obe Postma, Abe de Vries (gearst. en ynl.), Obe Postma - It sil bestean. Blomlêzing (Ljouwert: Utjouwerij Frysk en Frij, 2004) 88. “Hoe dûnse myn Fryslân yn jonge pronk, / Sa kin de simmer begjinne! / No iepen, no iepen, yn blomme! / Jou minske dy del oan it ierde-hert / En lit it oer dy komme!” Sjoch ek de ‘Eros yn de greide’-artikels fan Abe de Vries yn Obe Postma - It sil bestean. Blomlêzing.
  12. D.H. Lawrence, ‘Hymns in a man’s life’ [1928], yn Joy en Raymond Williams (red.), Lawrence on education (Londen: Penguin Books, 1973) 225.
  13. Cf. T.S. Eliot, The use of poetry and the use of criticism: Studies in the relation of criticism to poetry in England [1933] (Cambridge, MA: Harvard University Press, 1986) 137. “I know, for instance, that some forms of ill-health, debility or anaemia, may … produce an efflux of poetry.”
  14. Deputearre Johannes Kramer. ‘€ 2.018,- voor mienskipsprojecten’, Provinsje Fryslân, s.a. <https://www.fryslan.frl/beleidsthemas/nieuws-en-nieuwsbrieven_41594/item/2018-voor-mienskipsprojecten_5413.html> [krigen 3 novimber 2017].
  15. Victoria C. Oleynick, Todd M. Thrash, Michael C. LeFew, Emil G. Moldovan en Paul D. Kieffaber, ‘The scientific study of inspiration in the creative process: challenges and opportunities’, Frontiers in Human Neuroscience 8:436 (2014) 1-8.
  16. Jason Pargin [David Wong] en Mack Leighty [John Cheese]. johndiesattheend, ‘Fan Questions With David Wong And John Cheese’, Youtube, 22 augustus 2017, 44:20, 1:00:00 en 1:00:30 <https://www.youtube.com/watch?v=uBOQLWgR6Ps> [krigen 3 novimber 2017].
  17. Sharon Olds, winner fan de 1984 National Book Critics Circle Award foar The dead and the living. ‘Where Do Poets Get Their Inspiration?’, O, The Oprah Magazine, april 2011 <http://www.oprah.com/spirit/where-poems-come-from-inspiration-for-poetry> [krigen 3 novimber 2017].
  18. ‘Fersterkje dyn skriuwtalint!’, Afûk, 9 febrewaris 2017 <https://afuk.frl/newsItem/1208?language=fy> [krigen 3 novimber 2017].

Foaropwurd

Fers2 nû. 3.17, 29 oktober 2017

It morele fingerke fan ’e Rely

image Fers2

I s it jo opfallen? It Rely-residu typearret him troch it boadskip fan wiis ynsjoch. Under oaren: “út ’e konflikten mei ússels meitsje wy poëzij.” Edwin de Groot set tegeltsjewiisheden fan Brainyquote yn kursyf boppe syn gedichten, as regel, sadat de lêzer net hoecht te sykjen om it wize boadskip en it gedicht oerslaan kin. Dat is ek bard mei it Relygedicht fan De Groot. Net allinne hat der dêr by de Rely gjin literêre sjuery oan it wurk west. Sa te sjen is der sels hielendal net immen mei minimale belêzenens by it gedicht fan De Groot yn de buert kommen.

It is nammentlik in oare Ierske skriuwer, in stik jonger as Yeats, dy’t sei—lykas Aristoteles al sein hie en dêrnei alle Shakespeare­kommentators ûnderstreke hiene—“It is from the conflict within ourselves that all great tragedy springs.”Frank O’Connor, ‘Public opinion: The stone dolls’ (letter), The Bell Index, juny 1941, 61-67. William Butler Yeats soe sein ha, min te missen foar wa’t wol ris gedichten lêst om’t it de ûndertitel is fan The Celtic twilight, printinge 2013: “Out of the quarrel with others we make rhetoric; out of the quarrel with ourselves we make poetry.” Niks ‘conflict’, twaris ‘quarrel’; gjin friksje mar fjochtsjen. Mar, wa’t fierder lêst as dat syn noas lang is, of dy’t Yeats lêzen hat, wat wis in nuttige ynvestearring wêze kin as jo Yeats oanhelje wolle, dy wit dat it Derek Walcott wie dy’t dy útspraak die. Yep, Walcott bedarre op it omslach fan Yeats. Hy sitearre Yeats, korrekter as De Groot die—set De Groot nea op jo omslach—mar net korrekt.Derek Walcott, ‘In praise of peasantry: the poetry of E.M. Roach’ (Sunday Guardian, 11 july 1965, 9), yn Derek Walcott, Gordon Collier (red.), The journeyman years: Occasional prose 1957-1974. Volume 1: Culture, society, literature, and art (Amsterdam / New York: Rodopi, 2013) 211.

Yeats skreau: “We make out of the quarrel with others, rhetoric, but of the quarrel with ourselves, poetry.”W.B. Yeats, ‘Anima Hominis’ (Per Anima Silentia Lunae, 1917), yn Yeats, Mythologies (Londen: Macmillan, 1924) 331. Yeats praat oer it wurk fan Eric ‘the Black Yeats’ Roach. Yeats bedoelt dat de West-Yndyske skriuwer bepaald is troch syn koloniale ferline. Yeats wiist op it ynternalisearre oerbliuwsel fan in histoarje fan hiel útwindige striid mei de o sa eksterne oerhearsker. Walcotts fersin makket de útspraak politiker as dy is, want Yeats leit de klam net op ’e postkoloniaal-nasjonalistyske ‘quarrel’ mar op ‘we make’. Mar in yntern ‘konflikt’ tussen goed en kwea, dêr giet it hielendal net oer. Yeats syn boadskip út de kontekst skuorren lit neat hiel fan de politike betsjutting. Wat oerbliuwt is in sêftsean romantysk klisjee oer dichterskip. En dat wylst ‘wy meitsje’ direkt ferwiist nei it âld-Grykske poiesis: eat yn it bestean roppe dat noch net earder bestie.

Ferfolch

Fryske frijheid

Friduwih Riemersma

image fryske frijheid

O wêr is Puigdemont dy’t syn lúkse lân ferlosse soe,

Om’t de ferdrukker de skatkiste ôflobje woe?

Fryslân, baltend by in stien oer it foech en de frijdom,

Blyn foar ’t folk syn wurkleazens en earmoed fan takomst,

Salve de messias fan it Wysels foar ús Eigen.

Mar wêr is er? flechte er wier nei de Belgen?

Nee, Puigdemont sit, nei syn misbetearde separaasje,

Yn ’e Rie syn flink frijsteande garaazje.

Keunst kin dus wat sizze oer de wrâld, dat jo noch net earder heard ha. Dy primitive fisy is de kompost foar de mimesisteory: eat is keunst as it as twa drippen wetter op ’e werklikheid liket. Mar meitsje jo jo karakters rûn of it plot nuansearre, lykas yn ’e wrâld en net hielendal tafallich ek yn ’e literatuer, dan rekket it wize boadskip te ferspraat en te skakearre. Dan begrypt de taskôger it net en moat der hastich in prolooch komme om it boadskip noch te jaan, as net mis te ferstean aforisme: “ancient grudge … [makes] star-cross’d lovers take their life.”William Shakespeare, ‘Prologue’, Romeo and Juliet [1591-7]; ‘Act1’, The complete works of William Shakespeare, Massachusetts Institute of Technology (MIT), s.a. <http://shakespeare.mit.edu/romeo_juliet/romeo_juliet.1.0.html> [krigen 22 oktober 2017]. De wiere wiis ynsjochnarrative is net rjochte op it literêre, mar op it besjongen fan de persoan, steefêst it alter ego fan de skriuwer, dy’t tsjûge is fan de te kundskipjen iepenbiering en it subjekt fan in persoanlike katarsis. En wêrom dêr net in direktive draai oan te jaan? Dus skreau boargemaster fan Littenseradiel en baas fan de Rely-priis, Johanneke Liemburg ús: “Bêste Friduwih, De Rely Jorritsmapriis is gjin oanmoedigingspriis. It doel fan de priis is it befoarderjen fan it Frysk skriuwen.”Johanneke Liemburg oan Friduwih Riemersma, persoanlike korrespondinsje (email), 31 augustus 2017. Jo bliuwe dan yn styl. Jo anderje mei in retoer-wize les. “Bêste Johanneke, Tank foar it antwurd. Oanmoedigjen is synonym mei befoarderjen.”Friduwih Riemersma oan Johanneke Liemburg, persoanlike korrespondinsje (email), 31 augustus 2017.

Skriuwen is it iennichste medisyn tsjin de sinleazens fan it libben. Dizze Relywiisheid liket te kommen fan, earste treffer fan de Googlesykmasines, thewritepractice.com—Are You Ready to Become a Writer? De orizjinele optinker fan de wize ynstruksje, dy’t himsels “a writer and entrepreneur” neamt en “the author of the #1 Amazon Bestseller Let’s write a short story!”, is dus net Relywinner Lomme Schokker en warskôget foar it opnimmen fan morele wiisheden. Net dat er derop út wol dat morele feiten net bestean, sadat de moraal fan it ferhaal mar immen syn opiny is. Net dat koarte ferhalen, al stean se bekend om har moraal, dy uterstee net easkje en as moraal­dragers ek ûndoelmjittich en ûnwis binne—stel de lêzer lêst it ferhaal as fiksje ynstee fan preek. Net dat de literêre skriuwer sels in parabel, dy’t by definysje in morele les is, net rjochtet op it boadskip fan “absolute power corrupts absolutely”,John Emerich Edward Dalberg-Acton [Lord Acton], brief oan Mandell Creighton, Cannes, 5 april 1887. “Power tends to corrupt, and absolute power corrupts absolutely.” mar dêr fier oerhinne rikt mei in ferhaal oer in baarch dy’t fan Napoleon hiet. Net dat it tinken dat de skriuwer ûnderwiist dat x ferkeard is en y goed in reduksjonistyske opfetting fan literatuer is. Net dat it moralisearjende sjenre, tradisjoneel skreaun foar it op ’t opheve fingerke oanwiisde publyk fan bern en froulju, deagewoan ferfeelsum is.“Ihre Augen waren voll von einem Ausdruck, wie Kinder ihn annehmen, wenn man beim Märchenvorlesen so taktlos ist, eine allgemeine Betrachtung über Moral und Pflichten einfließen zu lassen … einem Mischausdruck von Verlegenheit und Ungeduld, Frömmigkeit und Verdrossenheit.” Thomas Mann, Buddenbrooks [1901] (Berlyn: S. Fischer Verlag, 1909) 205. Nee, morele boadskippen, seit er, ferkeapje min.

Mar sa nayf & trochsichtich as de Relywinners ek lykje, transparant yn de sin fan jo siele nei it oerflak bringe en, ûnderweis nei katarsis, jo wiere sels foar de oaren útstalle, sa folchsum binne hja net beslist. Schokker kiest likegoed foar de morele wierheid, en wol foar it bestindichste Fryske publyksleafke ûnder de morele boadskippen: dy fan de ûntûntwynbere morele breakdown dêr’t it stedslibben ta liedt. “Witte jo hoe maklik oft dy Amsterdammers dookje? It is alderbenaudst.”

Ignatius, it adoptearre haadpersonaazje út John Kennedy Toole syn A confederacy of dunces dat de “bibel” wie foar it Relyskriuwen fan Schokker, ûnderfynt—Toole syn Ignatius docht dat—hast net oars as skeiningen fan de “deugdsumens” fan “teology en geometry”, mar nettsjinsteande syn—Tooles Ignatius sines—alles bedobjende stream fan misledigingen oan it fallen minskdom, it besiele pessimisme en it eksplisite respekt foar de “rigide moraliteit” fan Batman, is der gjin moreel boadskip.John Kennedy Toole, A confederacy of dunces [Baton Rouge, LA: Louisiana State University Press, 1980], (New York, NY: Grove Press, 1987), sitaten: v (Swift), 1, 255. Der is net eat dat de op it mêd fan byldzjende neologismen ûnoertroffen Dútskers moralischer Zeigefinger neame soene by Ignatius—dy fan Toole—te finen, of it moast al wêze de wize rie: “Then you must begin a reading program immediately so that you may understand the crises of our age.” Mar wie soks akseptabele goerie yn 1963, wa lêst noch planmjittich? Net in sjuery, om, bygelyks, de koarte ferhalen út syn tiid te begripen, want se hoege allinne mar guon te bepriizgjen en de Lotto lêst ek foar it útkearen de ynbrochte nûmers net. Dus lies net ien dat de skriuwer—Toole—syn ferhaal begjint mei in wiis ynsjoch!

Toole hellet dêr sels syn syn titel út: “When a true genius appears in the world, you may know him by this sign, that the dunces are all in confederacy against him.” Dy morele wierheid komt út in kolleksje fan losse epigrammen en aforismen fan Jonathan Swift, dy’t, wierskynlyk net oerstallich om yn ’t oantinken te bringen, letter Gulliver’s travels skreau, dat moraliteit tematisearre mar net diktearre. Yn it eardere esseeïstyske stik, dat bestiet út net-gearhingjende en seker net ‘bibelske’It is ek net wis oft Swift neitocht oer de bibel doe’t er Gulliver’s travels skreau. Richard Webster, ‘The diminutive insect: Gulliver’s Travels, Original Sin and the imagery of size’, richardwebster.net, 2002 <http://www.richardwebster.net/gulliverstravelsandoriginalsin.html> [krigen 22 oktober 2017]; sjoch ek David Lyle Jeffrey (red.), A dictionary of biblical tradition in English literature (Grand Rapids, MI: William B. Eerdmans Publishing Company, 1992). boadskippen, tsjinne Toole ta ynspiraasje: “It is grown a word of course for writers to say, “This critical age,” as divines say, “This sinful age.””Jonathan Swift, ‘Thoughts on various subjects, moral and diverting’ [1706], yn Jonathan Swift, Henry Morley (red.), The battle of the books and other short pieces [1886]; idem, The Project Gutenberg eBook, 15 jannewaris 2007 <http://www.gutenberg.org/files/623/623-h/623-h.htm> [krigen 22 oktober 2017]. Dat A confederacy “giet oer in man dy’t fan alles doart te sizzen”, sa’t Schokker syn personaazje úthâldt, strykt dêrom net, mar hoe kin ien dat witte dy’t in peartûzen wurden lang yn in boekhannel omdangelet sûnder ek mar in sekonde te lêzen.

O mar dat bart ek yn de echte wrâld! sille jo no sizze: de Afûk stipt syn hiele libben om yn ’e boekhannel en ferjit sels dat der wat te lêzen wêze moat—ergo, dat der skreaun wurde moat! Komt op ’e drompel fan 2018 mei it blide boadskip dat it, om’t der gjin Frysktalich ûnbenullichheidsje klearleit—dêr’t it troch de deputearre produsearre en troch hagelnije literatuerbeskermer Afûk net delbêde gedonder om de Dichter fan Fryslân en de Gysbert Japicxpriis hinne debet oan is—in Nederlânsktalich boek oersette sil nei it Frysk! Klopt himsels op it geniale boarst: “Deze vertaling is een unicum: nooit eerder werd een Boekenweekgeschenk in het Fries vertaald.”‘Boekenweekgeschenk voor het eerst in het Fries’, Leeuwarder Courant, 23 oktober 2017 <http://www.lc.nl/cultuur/Boekenweekgeschenk-voor-het-eerst-in-het-Fries-22599734.html> [krigen 23 oktober 2017]. Tsjakka! Never a dull moment mei de Afûk!

Mar wy sizze, earst efkes dit: ‘unicum’ betsjut dat der mar ien gefal fan is. Blykber hâlde se der op foarrie rekken mei dat boekewikeoersetterij nei dizze kear nea wer barre sil. Faaks ferwachtsje se dat boekkeapers by de kassa freegje oft se asjeblyft de oersetting fan Jetske Bilker net mei nei hûs hoege te nimmen, al is it in fergees boekewikekado; mar oare senario’s binne ek tinkber.

Dêrby, as Relyboadskippen inkeld mar de boadskippen út ’e Fryske boekyndustrypraktyk werspegelje soene, dus as keunst mimetysk is, binne twa dingen mooglik. Literatuer is gelikens oan en te hifken tsjin wittenskiplik observearre en teoretysk dedusearre wierheden, of literatuer is hielendal oars, net te ferlykjen en it stelt sadwaande just de fraach nei oare werklikheden en oare manieren om ynsjoch dêryn te berikken. Mar it Relyrelaas oer de dea fan de muze fan de Britske romantyk, Elizabeth Siddal, is wier noch ûnwier, en likemin konfrontearret it de lêzer mei dissonânsjes: it lit de omstannichheid fan it deagean moai yn it midden, lykas as de doetiidske offisjele feiten. Wa’t wolris in boek lêst wit dat hjir it alâld moreel boadskip kuozze wurdt: oer selsmoard praat men net.

Boppedat, as de Rely leart fan de Afûk, wat wy foar jo bettere nachtrêst graach omformulearje ta: as de literatuer leart fan de werklikheid, dan hiene motivearjende positive boadskippen of ynspirearjende pep talk genôch west: “Genôch pykjes dy’t plôke wurde kinne.” Sa is dat, gjin #MeToo dy’t dat yn ’t paad stiet. Mar de Rely jout ús: “Gelokkich, myn wurdgrap hie it net bedoarn”, “it útskinken fan genede is net foar lytse famkes”, “Ek al wie se begûn as ienfâldich huoddemakster, dom wie se net” en fansels, jo moatte efkes troch de kliemske morele brot hinne, mar dêr is der: “Je kinne net alles ha.”

Noaten

  1. Frank O’Connor, ‘Public opinion: The stone dolls’ (letter), The Bell Index, juny 1941, 61-67.
  2. Derek Walcott, ‘In praise of peasantry: the poetry of E.M. Roach’ (Sunday Guardian, 11 july 1965, 9), yn Derek Walcott, Gordon Collier (red.), The journeyman years: Occasional prose 1957-1974. Volume 1: Culture, society, literature, and art (Amsterdam / New York: Rodopi, 2013) 211.
  3. W.B. Yeats, ‘Anima Hominis’ (Per Anima Silentia Lunae, 1917), yn Yeats, Mythologies (Londen: Macmillan, 1924) 331.
  4. William Shakespeare, ‘Prologue’, Romeo and Juliet [1591-7]; ‘Act1’, The complete works of William Shakespeare, Massachusetts Institute of Technology (MIT), s.a. <http://shakespeare.mit.edu/romeo_juliet/romeo_juliet.1.0.html> [krigen 22 oktober 2017].
  5. Johanneke Liemburg oan Friduwih Riemersma, persoanlike korrespondinsje (email), 31 augustus 2017.
  6. Friduwih Riemersma oan Johanneke Liemburg, persoanlike korrespondinsje (email), 31 augustus 2017.
  7. John Emerich Edward Dalberg-Acton [Lord Acton], brief oan Mandell Creighton, Cannes, 5 april 1887. “Power tends to corrupt, and absolute power corrupts absolutely.”
  8. “Ihre Augen waren voll von einem Ausdruck, wie Kinder ihn annehmen, wenn man beim Märchenvorlesen so taktlos ist, eine allgemeine Betrachtung über Moral und Pflichten einfließen zu lassen … einem Mischausdruck von Verlegenheit und Ungeduld, Frömmigkeit und Verdrossenheit.” Thomas Mann, Buddenbrooks [1901] (Berlyn: S. Fischer Verlag, 1909) 205.
  9. John Kennedy Toole, A confederacy of dunces [Baton Rouge, LA: Louisiana State University Press, 1980], (New York, NY: Grove Press, 1987), sitaten: v (Swift), 1, 255.
  10. It is ek net wis oft Swift neitocht oer de bibel doe’t er Gulliver’s travels skreau. Richard Webster, ‘The diminutive insect: Gulliver’s Travels, Original Sin and the imagery of size’, richardwebster.net, 2002 <http://www.richardwebster.net/gulliverstravelsandoriginalsin.html> [krigen 22 oktober 2017]; sjoch ek David Lyle Jeffrey (red.), A dictionary of biblical tradition in English literature (Grand Rapids, MI: William B. Eerdmans Publishing Company, 1992).
  11. Jonathan Swift, ‘Thoughts on various subjects, moral and diverting’ [1706], yn Jonathan Swift, Henry Morley (red.), The battle of the books and other short pieces [1886]; idem, The Project Gutenberg eBook, 15 jannewaris 2007 <http://www.gutenberg.org/files/623/623-h/623-h.htm> [krigen 22 oktober 2017].
  12. ‘Boekenweekgeschenk voor het eerst in het Fries’, Leeuwarder Courant, 23 oktober 2017 <http://www.lc.nl/cultuur/Boekenweekgeschenk-voor-het-eerst-in-het-Fries-22599734.html> [krigen 23 oktober 2017].

Foaropwurd

Fers2 nû. 3.16, 15 oktober 2017

Oer keunst gjin wurd

image Fers2

Keunst, dêr hat de provinsje Fryslân gjin belied foar.Provinsje Fryslân, ‘Begroting 2018, 5.2 Cultuur en erfgoed’, s.a. <https://provinciale-begroting.frl/2018/planning-control/begroting/programma-5-mienskip/5-2-cultuur-en-erfgoed/> [krigen 8 oktober 2017]. Provinsjes hawwe de lêste jierren slim besunige op kultuer, dêr’t se keunst ûnder beflappe, en doarre yn ’e oanrin nei de ferkiezingen krekt wat ynklusyf kultuerbelied oan te kundigjen,‘Provinciaal cultuurbeleid: op zoek naar een nieuwe rol’, LKCA, 13 april 2017 <http://www.lkca.nl/nieuwsoverzicht/provinciaal-cultuurbeleid-2017-2020> [krigen 8 oktober 2017]. mei each op it “kansen creëren in de samenleving.”Provinsje Fryslân, ‘Begroting 2018, 5.2 Cultuur en erfgoed’, s.a. <https://provinciale-begroting.frl/2018/planning-control/begroting/programma-5-mienskip/5-2-cultuur-en-erfgoed/> [krigen 8 oktober 2017]. Mar gjin keunst. Museum Belvédère hat fan ’t simmer in boekje makke mei details fan skilderijen en Fryske wurden derby, foar in “ynternasjonaal oersjoch fan wurden, bylden, betsjuttingen.”‘111 x Keunst op syn Frysk’, Museum Belvédère, s.d. <https://www.museumbelvedere.nl/winkel/111x-keunst-op-syn-frysk_189/> [krigen 8 oktober 2017]. Mar gjin keunst. Op in boekpresintaasje yn de renomearre boekhannel Scheltema yn Amsterdam, dy’t goed in oere duorre, fan in werútjefte fan de grutste moderne Fryske literator dy’t wy hawwe, Trinus Riemersma, foel net ienris it wurd keunst. Dat koe gewoan fergetten wêze, wis, út de list oanpriizgingen fan net-dreech oant hilarysk. En se presintearren it boek tusken de ôfdieling reisboeken en de roltrep, net typysk artistike omkriten. Mar likegoed: gjin keunst.

Fansels, as der hjoeddedei eat hinget, stiet, klinkt, op in toaniel beweecht of te lêzen is dat it grutte publyk net dalik maklik begrypt, dan neamt dy mearderheid dat “keunst.” Dêrút wurdt ôflaat dat keunst eat is dat net bedoeld is foar it begripen fan elkenien. Dêrom is keunst net foar elkenien.

Dat is in krykkrakkige redenearring—Rachmaninof syn tredde pianokonsert is wiswol bedoeld om gewoan te spyljen ek al kin net ien it—dêr’t it kearnargumint, net maklike begryplikens, fan ûnderboud wurde moat, foar’t jo sjen kinne oft ‘net foar elkenien’ wier of ûnwier is. Wol wier, oardielen Jelle Brouwer en Douwe Tamminga yn 1949 yn ’e ferantwurding fan har Fryske tekstkar foar it fuortset ûnderwiis. “Der is dan ek tige rekken holden mei it opnimmingsformogen dat past by de âldens fan ’e learlingen. ... It twadde diel is mear bidoeld foar de hegere klassen en hat dus ek in biskate litteraire pretinsje.”J.H. Brouwer en D.A. Tamminga, De reinbôge: Lêsboek foar skoalle en hûs, Diel 1 (Grins, Batavia: J.B. Wolters, 1949) 3. Ek om de sekserelatearre ûntfank­likens foar literatuer is tocht; út it rychje skoallen dêr’t it lêsboekje gaadlik foar is binne de beukerkweek en húshâldskoalle weilitten.

Mar leeftydbûne harsenskapasiteit is as ûnderbouwing skrast, en wol troch oertsjûgjende wittenskiplike stipe foar neuroplastisiteit. Net dat de Fryske provinsjebestjoerders noch de foar har fleanende kultuerynstituten fûle foarfjochters binne fan evidence-based policy, mar it bewiis leit der: ynfloeden út de omkriten foarmje de neurale sirkwys. Wy wisten dat nammers al. Want wy seagen en sjogge alle dagen om ús hinne dat bern út hegere sosjaalekonomyske miljeus better leare en har mear ûntjouwe. Dat komt om’t dy bern troch de manier fan grutbringen leare om selektyf it omtinken te rjochtsjen en ôflieding út te skeakeljen en bern út earme húshâldens leare dat minder.Sjoch bygelyks Kurt W. Fisher, Theo L. Dawson en Matthew Schnepps, ‘Plasticity in learning pathways: Assessments that capture and facilitate learning’, yn Antonio M. Battro, Stanislas Dehaene en Wolf J. Singer (red), Human neuroplasticity and education, Scripta Varia 117 (Vatican City: The Pontifical Academy of Sciences, 2011) 100-117, 252. Dêrby komme bern út bettere sosjaalekonomyske omkriten earder as bern út earme omkriten yn oanrekking mei in ryk oanbod oan keunst en it kognityf ferarbeidzjen dêrfan—passive konsumpsje is net genôch—en ’e tinkprestaasjes dêroer foarmje de ûntfanklikens.Chiara Saraceno, ‘Do we need capital accounts for culture?’, Paper presintearre op 'e Joint IEA/ISI Strategic Forum 2014 and Workshop of the High-Level Expert Group on the Measurement of Economic Performance and Social Progress on Intra-generational and Inter-generational Sustainability, Rome, 22-23 septimber 2014, OECD (Organisation for Economic Co-operation and Development), 2014, 5 <http://www.oecd.org/statistics/measuring-economic-social-progress/Saraceno.pdf> [krigen 8 oktober 2017]. Dy beide prosessen rinne los fan genen—in keunstgen is net fûn, al siket ek de minder shabby kant fan de neurology der o sa omDavid Cox, ‘Are some people born creative?’, The Guardian, 19 septimber 2013 <https://www.theguardian.com/science/blog/2013/sep/19/born-creative-study-brain-hemingway> [krigen 8 oktober 2017].—en ek los fan kalinderâldens.

’t Is dus net sa’n goed idee om boargers as lytse bern te behanneljen. Dat wie wol krekt wat de keunstdemokratisearring út de jierren sechstich woe, want Net wier! rôpen de gesachhawwers. It moast út wêze mei it “dik doen over kunst” want keunst is wiswol foar elkenien.Gjalp fan Joop den Uyl, PvdA, nei oanlieding fan ’e ‘Borgharense stellingen’ 3c, gearkomste Nieuw Links/PvdA en Maastrichtske Provo’s, kastiel Borgharen, 24, 25 en 26 febrewaris 1967. Paul Donker Duyvis, ‘New Babylon: speelmodel voor een nieuwe maatschappij’, yn W.A.L. Beeren, Actie, werkelijkheid en fictie in de kunst van de jaren ’60 in Nederland (Rotterdam: Museum Boijmans Van Beuningen, 1980) 167-176, 170. De politike kar foar keunstsprieding omfette in ynkommen foar alle keunsters en alle boargers in skilderij op ’e skoarstien, plus it oan de hiele befolking útlizzen wat museum­keunst no krekt betsjut, om sa de maatskippij te ferheffen. Mei de rige mappen fan Openbaar Kunstbezit kaam ek de Teleacsearje mei Pierre Janssen, de folksferdiverdearder dy’t de keunst ûnteare, sa klonk de hurde krityk út de keunstkriten wei. Mar de Nederlânske befolking siet sneintejûns mei man en macht foar de tillefyzje mei noch mar twa netten. Allyksa regintesk en tagelyk populêr wiene Henk van Os syn tf-kolleezjes út de jierren njoggentich en twatûzen. Want al gie yn 1990 de beliedsfokus wer nei persoanlikheids­foarming troch ynwijing yn ’e keunst,It doel fan keunst wie keunstpromoasje as beskavend troch persoanlikheids­ûntjouwing yn 1960, keunst­nivellearring yn it ramt fan maatskippijferbettering en sosjale emansipaasje yn 1970, keunstsprieding hân yn hân mei keunstpartisipaasje yn 1980, persoanlikheids­foarming en ynterkultureel bewust­wêzen yn 1990, ynterkultureel bewustwêzen yn 2000 en kultueredukaasje yn 2010. it beskaven kaam meastal net út woldiedigensmotiven wei; it hie in klear maatskiplik doel. Dat de polityk draaide fan oan keunst partisipearje moatten nei partisipearje kinnen, mar dat doel gou likegoed, oars as by bygelyks fytse kinnen, foar elkenien: civic learning.

Keunstbelied foar elkenien kin mooglik wol rjochtfeardige wurde mei it argumint fan de net-sosjaal-heilsume kleau tusken keunstkeunst en geunstkeunst. Keunstkeunst komt sa: net inkeld in beskate mjitte fan wolfeart, mar ek de demokrasy draacht by ta it ûntstean fan keunst dy’t net by it grutte publyk bekend is en net troch elkenien op hannen droegen wurdt, net fan nasjonaal belang is, wol dreech is, ek djoer is—om’t de leafhawwers der net de folle priis foar betelje wolle—en foar net-kenners en net-ynwijden min tagonklik is.Abram de Swaan, ‘Kunstkunst en gunstkunst’, yn Idem, Kunst & staat (Amsterdam: Boekmanstichting, 1990) 33-35. Foar harren is der geunstkeunst, dy’t him rjochtet op de foarkar fan de konsumint. Dat foar elk is der wat, mar it probleem is twafâldich. Earst, wêrom soe de erkende keunstsfear de ûnbedreaunen noch leare wat keunst is, want dat falt net ta, just om’t konsumpsjekeunst sa maklik is—de keunstsprieding is dan ek mislearre. Twad, kommersjele keunst is sa perfeksjonearre dat it amateurs ûntmoediget om sels wat keunstsinnichs te dwaan.Abram de Swaan, ‘Kwaliteit is klasse: De sociale wording en werking van het cultureel smaakverschil’, De Swaan, s.a. [1990] <http://deswaan.com/597-2/> [krigen 8 oktober 2017]. De ûndemokratyske kleau tusken de partisipanten en net-partisipanten oan erkende keunst wurdt sadwaande hieltyd djipper. Wy moatte dat omkeare, is it tinken, foar’t boargers net mear fan ’e iene nei de oare kant ljeppe kinne.

Mar de fraach is oft dat yn de maatskippij sa’t wy dy kenne net al lang sa fier is. Makket net út oft jo fan betinken binne dat sosjale stratifikaasje ûnmisber is foar it glêd wurkjen fan de maatskippij of just dat stratifikaasje liedt ta konflikt, dy stratifikaasje is der. Dy wie der al doe’t Plato yn ’e fierde ieu foar nul syn keunst­nivellearing bewurde, wat in ramp wie foar de âld-Gryskske keunstnersMartin Heidegger, ‘The origin of the work of art’, yn Julian Young en Kenneth Hayes (red.), Off the beaten track (Cambridge: Cambridge University Press, 2002) 1-56 (oersetting fan Holzwege (Frankfurt: Vittorio Klostermann, 1950)); Martin Heidegger, Die Technik und die Kehre (Pfullingen: Neske, 1962) 13 et passim.—net dat de Fryske kultuerdeputearre noch de foar har fleanende hofdichters oerhingje nei skiednis-ynformearre belied, mar it bewiis leit der. Salang’t wy der ekonomysk foardiel by ha—provinsje Fryslân stuts miljoenen yn festivals wylst de banegroei efterbliuwt en dus de lykweardiger maatskiplike kânsen—salang sil de reproduksje fan ’e sosjale stratifikaasje der wêze.Pierre Bourdieu, ‘The forms of capital’ [1983], yn: A.H. Halsey, H. Lauder en P. Brown (red.), Education: Culture, economy, society (Oxford: Oxford University Press, 1997) 46-58, 48. Al falle sosjale stratifikaasje en kultuerkonsumpsjestratifikaasje net perfekt gear, ek hjoed, nettsjinsteande desennia fan sterk op yndividuele kar rjochte neoliberalisme, is kulturele konsumpsje hielendal gjin utering fan yndividuele kar en smaak, mar gewoan de troch­wurking fan sosjale klasse.Tak Wing Chan en John H. Goldthorpe, ‘Social stratification and cultural consumption: The visual arts in England’, Poetics 35 (2007) 168-190, 184-185 <http://users.ox.ac.uk/~sfos0006/papers/poetics2007.pdf> [krigen 8 oktober 2017]; Vladimír Bína en Teunis IJdens, Social participation and cultural policy: a position paper (Den Haag: OCW, 2008) 3. Boppedat uteret sosjale klasse him net yn hoe smel of breed oft de kulturele konsumpsje is, mar yn wol kultuer konsumearjen of dat net dwaan.Tak Wing Chan en John H. Goldthorpe, ‘Social stratification and cultural consumption: The visual arts in England’, Poetics 35 (2007) 168-190, 184-185 <http://users.ox.ac.uk/~sfos0006/papers/poetics2007.pdf> [krigen 8 oktober 2017]. Oplieding blykt noch altyd it meast beskiedend.European Union, Culture statistics, 2016 edition (Luxembourg: Publications Office of the European Union, 2016); ek yn it ûndersyk fan Chan en Goldthorpe, 2007, blykt oplieding de grutste faktor foar kultuerkonsumpsje en ek de OECD-paper fan Chiara Saraceno, ‘Do we need capital accounts for culture?, 2014, neamt oplieding as de wichtichste faktor. Dus tink mar net dat leechoplate klassen dy’t kultuer út de wei gean keunst konsumearje sille.Heechlearaar Keunst en Kultuer oan ’e Erasmus Universiteit Koen van Eijck besiket al jierren om de distinksjeteory fan sosjolooch Pierre Bourdieu te relativearjen. Oplieding is wol keppele oan sosjale klasse en kultureel kapitaal, már it eardere idee dat hege en lege kultuer inoar bite strykt neffens Van Eijck net, want minsken mei in soad kultureel kapitaal konsumearje ek lege kultuer. Ek út kwantitatyf ûndersyk docht bliken dat de ‘omnivore consumers’ foar ‘non-consumers’ oer stean. De útkomsten befêstigje dus net Bourdieu syn befiningen (op grûn fan ûndersyk út de jierren sechstich) dat lege klassen har eigen low-brow kultuer genietsje en hege klassen har high-brow kultuer dy’t tagong jout ta al it maatskiplik weardefol guod, mar se befêstigje Bourdieu wol yn dat oplieding beskiedend is foar kultureel kapitaal. Kultuerferheffing op skoalle (kultueredukaasje) is dus ûnmooglik as de learkrêft temin kultureel kapitaal hat. Dat kin troch de lege status fan it ûnderwiis goed it gefal wêze, mar nei de kultuerpartisipaasje fan de learkrêft is yn Nederlân gjin ûndersyk dien. De essinsjele rol fan de learkrêft by oerdracht fan kultureel kapitaal yn it ûnderwiis is de reden is dat de hege maatskiplike laach syn bern nei statusskoallen tasjoert, mei trochgeans heger oplate learkrêften. Sjoch Sanne Helbers, ‘“Zodra het kunst en cultuur heet, denken mensen dat het wit en ver weg is”’, KCR (Kenniscentrum Cultuureducatie Rotterdam), 24 april 2017 <https://kc-r.nl/kcr-vertelt/zodra-het-kunst-en-cultuur-heet-denken-mensen-dat-het-wit-en-ver-weg-is/> [krigen 8 oktober 2017].

Want “Art is difficult”, seit skilder-byldhouwer Anselm Kiefer. “It’s not entertainment. There are only a few people who can say something about art – it’s very restricted.”Alex Needham, ‘Anselm Kiefer: ‘Art is difficult, it’s not entertainment’’, The Guardian, 9 desimber 2011 <https://www.theguardian.com/artanddesign/2011/dec/08/anselm-kiefer-art-white-cube> [krigen 8 oktober 2017]. Dy dregens is de keunst sels miskien net te ferwiten, al is keunst just keunst om’t jo gjin sizzenskip hawwe oer syn definitive betsjutting, mar it is logysk dat minsken dy’t nea mei keunst yn oanrekking komme der neat fan begripe. In keunst- of estetikastúdzje nimt fjouwer jierren fan it libben. Mar wat oer keunst sizze kinne yn holistyske sin, foarby it skoalsk ûntleden fan stikjes keunstmateriaal, freget net sasear om in langere rûte as om in konstant 24/7 miljeu fan trening—psst Fryslân: it útwreidzjen fan de literêre kweekfiver Ensafh ta acht­entritich redaksjeleden sil gjin spat helpe. Keunst is ommers it ûnderwerp fan teoretysk bespegeljen, kritysk ûndersyk en yngeande praktyk sûnt op syn minst de Fenus fan Willendorf. Dat is folle langer as dat der dieltsjesfysika bestiet. Dochs hearre jo minsken selden kleien dat kwantumfjilden sa dreech binne. Politisy roppe net om it hoartsje dat om dy reden, dat it net foar elkenien begryplik is, mar opholden wurde moat mei it stypjen fan dy linkse hobby fan ’e kearnfysika.

Al mei al, dat keunst dreech is as eigenskip fan keunst, witte wy net en docht der net ta. Want beskiedend is dat der mar in pear minsken binne dy’t har ferdjipje yn keunst. Dy ferdjippers fine jo net moai demokratysk ferspraat oer alle klassen mar hieltyd wer by de elite, wat komt om’t wy kieze foar sosjale stratifikaasje. Lykwols lykje wy net te kiezen foar alle gefolgen fan dy stratifikaasje, lykas dat wy net inkeld tusken reisboek en roltrep, mar oeral op ’e wrâld sjogge dat de aldermeaste minsken net minder belang by eat ha koene as by keunst. Dus prate wy dêr gewoan net oer, oer keunst.

Noaten

  1. Provinsje Fryslân, ‘Begroting 2018, 5.2 Cultuur en erfgoed’, s.a. <https://provinciale-begroting.frl/2018/planning-control/begroting/programma-5-mienskip/5-2-cultuur-en-erfgoed/> [krigen 8 oktober 2017].
  2. ‘Provinciaal cultuurbeleid: op zoek naar een nieuwe rol’, LKCA, 13 april 2017 <http://www.lkca.nl/nieuwsoverzicht/provinciaal-cultuurbeleid-2017-2020> [krigen 8 oktober 2017].
  3. Provinsje Fryslân, ‘Begroting 2018, 5.2 Cultuur en erfgoed’, s.a. <https://provinciale-begroting.frl/2018/planning-control/begroting/programma-5-mienskip/5-2-cultuur-en-erfgoed/> [krigen 8 oktober 2017].
  4. ‘111 x Keunst op syn Frysk’, Museum Belvédère, s.d. <https://www.museumbelvedere.nl/winkel/111x-keunst-op-syn-frysk_189/> [krigen 8 oktober 2017].
  5. J.H. Brouwer en D.A. Tamminga, De reinbôge: Lêsboek foar skoalle en hûs, Diel 1 (Grins, Batavia: J.B. Wolters, 1949) 3.
  6. Sjoch bygelyks Kurt W. Fisher, Theo L. Dawson en Matthew Schnepps, ‘Plasticity in learning pathways: Assessments that capture and facilitate learning’, yn Antonio M. Battro, Stanislas Dehaene en Wolf J. Singer (red), Human neuroplasticity and education, Scripta Varia 117 (Vatican City: The Pontifical Academy of Sciences, 2011) 100-117, 252.
  7. Chiara Saraceno, ‘Do we need capital accounts for culture?’, Paper presintearre op 'e Joint IEA/ISI Strategic Forum 2014 and Workshop of the High-Level Expert Group on the Measurement of Economic Performance and Social Progress on Intra-generational and Inter-generational Sustainability, Rome, 22-23 septimber 2014, OECD (Organisation for Economic Co-operation and Development), 2014, 5 <http://www.oecd.org/statistics/measuring-economic-social-progress/Saraceno.pdf> [krigen 8 oktober 2017].
  8. David Cox, ‘Are some people born creative?’, The Guardian, 19 septimber 2013 <https://www.theguardian.com/science/blog/2013/sep/19/born-creative-study-brain-hemingway> [krigen 8 oktober 2017].
  9. Gjalp fan Joop den Uyl, PvdA, nei oanlieding fan ’e ‘Borgharense stellingen’ 3c, gearkomste Nieuw Links/PvdA en Maastrichtske Provo’s, kastiel Borgharen, 24, 25 en 26 febrewaris 1967. Paul Donker Duyvis, ‘New Babylon: speelmodel voor een nieuwe maatschappij’, yn W.A.L. Beeren, Actie, werkelijkheid en fictie in de kunst van de jaren ’60 in Nederland (Rotterdam: Museum Boijmans Van Beuningen, 1980) 167-176, 170.
  10. It doel fan keunst wie keunstpromoasje as beskavend troch persoanlikheidsûntjouwing yn 1960, keunstnivellearring yn it ramt fan maatskippijferbettering en sosjale emansipaasje yn 1970, keunstsprieding hân yn hân mei keunstpartisipaasje yn 1980, persoanlikheidsfoarming en ynterkultureel bewustwêzen yn 1990, ynterkultureel bewustwêzen yn 2000 en kultueredukaasje yn 2010.
  11. Abram de Swaan, ‘Kunstkunst en gunstkunst’, yn Idem, Kunst & staat (Amsterdam: Boekmanstichting, 1990) 33-35.
  12. Abram de Swaan, ‘Kwaliteit is klasse: De sociale wording en werking van het cultureel smaakverschil’, De Swaan, s.a. [1990] <http://deswaan.com/597-2/> [krigen 8 oktober 2017].
  13. Martin Heidegger, ‘The origin of the work of art’, yn Julian Young en Kenneth Hayes (red.), Off the beaten track (Cambridge: Cambridge University Press, 2002) 1-56 (oersetting fan Holzwege (Frankfurt: Vittorio Klostermann, 1950)); Martin Heidegger, Die Technik und die Kehre (Pfullingen: Neske, 1962) 13 et passim.
  14. Pierre Bourdieu, ‘The forms of capital’ [1983], yn: A.H. Halsey, H. Lauder en P. Brown (red.), Education: Culture, economy, society (Oxford: Oxford University Press, 1997) 46-58, 48.
  15. Tak Wing Chan en John H. Goldthorpe, ‘Social stratification and cultural consumption: The visual arts in England’, Poetics 35 (2007) 168-190, 184-185 <http://users.ox.ac.uk/~sfos0006/papers/poetics2007.pdf> [krigen 8 oktober 2017]; Vladimír Bína en Teunis IJdens, Social participation and cultural policy: a position paper (Den Haag: OCW, 2008) 3.
  16. Tak Wing Chan en John H. Goldthorpe, ‘Social stratification and cultural consumption: The visual arts in England’, Poetics 35 (2007) 168-190, 184-185 <http://users.ox.ac.uk/~sfos0006/papers/poetics2007.pdf> [krigen 8 oktober 2017].
  17. European Union, Culture statistics, 2016 edition (Luxembourg: Publications Office of the European Union, 2016); ek yn it ûndersyk fan Chan en Goldthorpe, 2007, blykt oplieding de grutste faktor foar kultuerkonsumpsje en ek de OECD-paper fan Chiara Saraceno, ‘Do we need capital accounts for culture?, 2014, neamt oplieding as de wichtichste faktor.
  18. Heechlearaar Keunst en Kultuer oan ’e Erasmus Universiteit Koen van Eijck besiket al jierren om de distinksjeteory fan sosjolooch Pierre Bourdieu te relativearjen. Oplieding is wol keppele oan sosjale klasse en kultureel kapitaal, már it eardere idee dat hege en lege kultuer inoar bite strykt neffens Van Eijck net, want minsken mei in soad kultureel kapitaal konsumearje ek lege kultuer. Ek út kwantitatyf ûndersyk docht bliken dat de ‘omnivore consumers’ foar ‘non-consumers’ oer stean. De útkomsten befêstigje dus net Bourdieu syn befiningen (op grûn fan ûndersyk út de jierren sechstich) dat lege klassen har eigen low-brow kultuer genietsje en hege klassen har high-brow kultuer dy’t tagong jout ta al it maatskiplik weardefol guod, mar se befêstigje Bourdieu wol yn dat oplieding beskiedend is foar kultureel kapitaal. Kultuerferheffing op skoalle (kultueredukaasje) is dus ûnmooglik as de learkrêft temin kultureel kapitaal hat. Dat kin troch de lege status fan it ûnderwiis goed it gefal wêze, mar nei de kultuerpartisipaasje fan de learkrêft is yn Nederlân gjin ûndersyk dien. De essinsjele rol fan de learkrêft by oerdracht fan kultureel kapitaal yn it ûnderwiis is de reden is dat de hege maatskiplike laach syn bern nei statusskoallen tasjoert, mei trochgeans heger oplate learkrêften. Sjoch Sanne Helbers, ‘“Zodra het kunst en cultuur heet, denken mensen dat het wit en ver weg is”’, KCR (Kenniscentrum Cultuureducatie Rotterdam), 24 april 2017 <https://kc-r.nl/kcr-vertelt/zodra-het-kunst-en-cultuur-heet-denken-mensen-dat-het-wit-en-ver-weg-is/> [krigen 8 oktober 2017].
  19. Alex Needham, ‘Anselm Kiefer: ‘Art is difficult, it’s not entertainment’’, The Guardian, 9 desimber 2011 <https://www.theguardian.com/artanddesign/2011/dec/08/anselm-kiefer-art-white-cube> [krigen 8 oktober 2017].

Foaropwurd

Fers2 nû. 3.15, 1 oktober 2017

De plicht ta kultuer

image Fers2

Oan jins kultuer dielnimme is in minskerjocht. It fûnemintele rjocht op kultuerdielnimmen is dellein yn kêst 27 fan de Universele ferklearring fan de rjochten fan de minske en yn aller­hanne oare ynternasjonale oerienkomsten. De Ried fan Europa, dy’t as in bûtenwenstich warbere kelner hieltyd wer in optwingerige skaal fol rjochten en kânsen ûnder elkenien syn noas triuwt, ’t is hjir ommers in besletten klup en it kin net op, ûnder­streket dat it minskerjocht op kultuerdielnimmen sintraal stiet yn it hiele minske­rjocht. “Those deprived of this right also lose the opportunity to responsibly exercise their other rights, through lack of awareness of the fullness of their identity.”Council of Europe/ERICarts, ‘Cultural access and participation’, Compendium of Cultural Policies and Trends in Europe 17th edition, 2016 <http://www.culturalpolicies.net/web/cultural-participation.php> [krigen 26 septimber 2017].

It oarsaak-en-effekt-redenearjen fan de Ried fan Europa giet dus sa. It rjocht op kultuerdielnimmen is in needsaaklike (mar net foldwaande) oarsaak fan bewustwêzen fan ’e rykdom fan ien syn identiteit, en dat is op syn bar in needsaaklike (mar net foldwaande) oarsaak fan it ferantwurdlik útoefenjen fan de oare rjochten. It rjocht op kultuerdielnimmen is wat oars as it feitlike kultuer­dielnimmen, dat, sa lit in survey út 2013 sjen, yn Europa aardich minder wurden is sûnt 2007. Yn Nederlân, mei it twa-nei-heechtste kultuerdielnimmen yn Europa, is it mei trije persint omleech gien.European Commission, ‘Survey shows fall in cultural participation in Europe’, EC Press Release Database, 4 novimber 2013 <http://europa.eu/rapid/press-release_IP-13-1023_en.htm> [krigen 26 septimber 2017]. Nuodliker as dy lytse delgong op himsels is de reden foar it min oan kultuer dielnimmen. Net de kosten wurde oanfierd, hoewol’t de finansjele crash dertusken kaam, dy’t it folle mear húshâldens dreech makke om ’e rekkens betelle te krijen, mar “lack of interest.”European Commission, ‘Cultural access and participation, Special Eurobarometer 399’, novimber 2013, 61-62 <http://ec.europa.eu/commfrontoffice/publicopinion/archives/ebs/ebs_399_en.pdf> [krigen 26 septimber 2017]. Gjin sin oan kultuer. Oef.

Mar dat ha wy fan Fers2 ek net! Efkes Youtube sjen, okee. In al wat âldere dûns fan Desmond Richardson, fantastysk benammen foar wa’t net sa sljocht is op it spierkrêft&sirkuswurk fol mei grands jetés en tours en l’air en it leaver beskieden op ’e grûn hat. Mar as Richardson nei in healoerke syn reverence makket, ha wy ek wer genôch kultuerpartisipearre. Dat is riskant, warskôget de provinsje Fryslân.

De ontwikkelingen in de digitale wereld zijn omvangrijk en voltrekken zich in een hoog tempo. Deze diensten hebben de betekenis van videotheken fors gereduceerd. … In het kader van LF2018 zou het een goede zaak zijn om onder andere deze ontwikkelingen nader te laten onderzoeken.Provinsje Fryslân, ‘Cultuurparticipatie in Fryslân 2016’, revisearre ferzje, Provinsje Fryslân, 10 maart 2017, 34 <http://www.fryslan.databank.nl/report/Cultuurparticipatie%202016.pdf> [krigen 26 septimber 2017].

Fideoteken? Fan de Cult Videotheek oan ’e Amstel leit it paske hjir noch, út ’e foarige ieu. De Cult Videotheek sleat yn 2011 as ien fan de lêsten yn it lân, se sizze fan mei trochdat Quentin Tarantino syn stipe net betelle, mar dat sil wol net wier wêze (dat it in faktor wie yn it sluten net; dat QT net betelle wol). It boadskip is lykwols dúdlik: platesaken wiene kultuer en Netflix is dat net.

Ferfolch

Eppie Dam krijt de Gysbert Japicxpriis!

Lokwinske, Eppie!

Eppie Dam

Jûn ha wij yn Idzegea

Ut De aap foar de bokkewein. Wat noch te rymjen yn 2016

Jûn ha wij yn Idzegea it ljocht útswaaid

en koe mei koarting fan de hjerst

’t idee fan simmergoud begjinne –

dêr fleach de langste dei al hinne,

as hie wat komme soe al west,

in smjunt de rutsen halzen stil de nek omdraaid.

Jûn ha wij yn Idzegea de wurden heard

en kamen dichters foar it front,

itsij trochtaastend of timide,

mar elk hie weet fan oare tiden:

de taal dêr’t hurd in ein oan komt

as nachts de stjerreloft it op in snijen set.

Jûn ha wij yn Idzegea it baarnen sjoen

en spatten fonken út in koer

om nije hertstocht oan te jeien,

in byld fan winterjen te krijen

mei spuonnen om in tsjerketoer,

it each fol fjoer fersplintere yn ’t heechseizoen.

Jûn ha wij yn Idzegea de winter field

en stiene bylden op it flues:

in deastek om behâld fan uny,

de kâlde achterkant fan juny,

foar even myld troch impromptu’s

wêryn’t it strykkwartet mei ús de waarmte dielt.

18 juny

Op 18 juny 2016 organisearre de Gerben Rypma Stifting syn jierlikse Midsimmerjûn, diskear oan de Idzegeaster Poel. Twa dagen earder waard yn Birstall de Ingelse politika Jo Cox fermoarde fanwege har pro-Europa stânpunt. It wie yn deselde tiid dat Miek Smilde har poëzydebút De achterkant van juni (Amsterdam 2016) publisearre.

Yn it nije kultuerbelied komt kultuerpartisipaasje net foar as selstannich doel. Wol ferwiist it útfieringsplan derfan nei de kulturele haadstêddoelen, dêr’t de riedseleftichste fan is—komme wy aansen op werom—“25% participation from groups with traditionally little affinity to culture.”Provinsje Fryslân, ‘Uitvoeringsplan ‘Mei hert, holle en hannen 2017-2018’’, 20 juny s.a. [2016], 5 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=7&fileid=139&f=7ed5ba9d5868a52329be14b7c6a4f1a0&attachment=0> [krigen 26 septimber 2017]. It beliedsbrief sels ferwiist nei it koalysjeakkoart 2015-2019,Provinsje Fryslân, Ofdieling kultuer en mienskip, ‘Beliedsbrief Hert, Holle, Hannen’, 21 juny 2016, 4 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=7&fileid=145&f=11e928c0d3e9f1491e64cac3ce8ae694&attachment=0> [krigen 26 septimber 2017]. dêr’t yn stiet dat Friezen makliker—as wat stiet der net by—meidwaan kinne oan myzyk, dûns en toaniellessen en dat hja meidwaan kinne en wolle [sic!] oan it “breed folksfeest” Kulturele Haadstêd.Provinsje Fryslân, ‘Mei elkenien foar elkenien: Koalysjeakkoart 2015-2019’, s.d., 22-23 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=22&fileid=3811&f=414e4cb6a085ecb093b0e5b44384e6d7&attachment=0> [krigen 26 septimber 2017]. De útfieringsaginda fan it koalysjeakkoart is in stik konkreter:

In opmaat naar Culturele Hoofdstad 2018 stimuleren we de training van vrijwilligers die dat jaar nodig zijn (naar schatting voor 30.000 vrijwilligersklussen). Op deze manier willen we de participatiegraad van Friezen verhogen. Hun kansen nemen daardoor toe in de aanloop tot en zeker ook na 2018. Het gaat om gastvrijheid en vaardigheden als sociale vaardigheden, Engels en Duits etc.Provinsje Fryslân, Uitvoeringsagenda Mei elkenien foar elkenien, s.d., 11 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=16&fileid=961&f=b2393cfa56ee8d2d6ba7febb2d9d3d94&attachment=0> [krigen 26 septimber 2017].

Sa! Wa’t der fan oertsjûge wie dat it Fryske kultuerbelied dreaun is troch (fideoteek)nostalgy, religieus tradisjonalisme en midsieuske fantasyferhalen, wa’t dêrom mei wissens foarsizze koe dat de Dichter fan Fryslân de ultrapopulêre en oeral op it ynternet te finen Game of Thronespoëzy opleppelje sil dêr’t Arjan Hut as priuwke yn ’e Ljouwerter krante de provinsjale lieders en it earlike folk mei besong en de spulbrekkende keunstkongsi mei bejammere, wa’t sels al wat begûn te longerjen nei winterjûnenochten yn smoute boppesealtjes mei in buorreltsje derby, de frou moai thús op ’e kachel te passen—mis.

Fuort is de Begrutting-2016 syn ambifalinsje. “Bovendien zetten wij sterk in op meedoen: een groeiend aantal mensen in Fryslân dat aan cultuur meedoet, zowel actief als passief”, gie dy, mar meat it beliedssúkses ôf oan it passive part: “Het Fries Museum heeft in 2016 maar liefst 175.977 bezoekers mogen verwelkomen. Ruim 75.000 meer dan de vooraf overeengekomen prestatieafspraak van 100.000 bezoekers.”Provinsje Fryslân, 8.1 Cultuur, Begroting 2016, s.d. <https://provinciale-begroting.frl/2016/planning-control/jaarstukken/beleidsprogrammas/programma-8-cultuur-taal-en-onderwijs/8-1-cultuur/> [krigen 26 septimber 2017]. Yn ’e evaluaasje fan it koalysjeakkoart fan fan’t simmer is de provinsje ûnferbidlik: meidwaan bliksem!

Het uitgangspunt is dus niet theaterbezoek of verbreding van het museumpubliek, maar juist meer Friezen stimuleren zelf actief aan de slag te gaan met kunst en cultuur.Provinsje Fryslân, Ofdieling Frysk kapitaal, Brief oan Provinsjale Steaten, Underwerp ‘Uitvoering beleid resultaat 13’, 27 july 2017 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=16&fileid=21736&f=e0f44815b29ef1de21f50cb23183df86&attachment=1&c=8050> [krigen 26 septimber 2017].

Dat liket in ferromming. Wy hâlde beslist net fan it útgeans­libben, want Nightclubbing, we’re nightclubbing / We’re what’s happening / Nightclubbing, we’re nightclubbing: it is in lege hanneling.Iggy Pop & David Bowie, ‘Nightclubbing’, album ‘The Idiot’, 18 maart 1977. Blockbusterútstallingen binne foarsisber, oerflakkich en om’t se hieltyd deselde stjerren sjen litte kinne jo likegoed nei de himel sjen. Brede feestjes, dy’t dus alle djipgong misse, moatte wy neat fan ha. Dat wy wolle net oanfitere wurde om ‘passyf’ oan kultuer mei te dwaan—en noch minder as dat bart mei de Mao Tse-toengtaal fan it kultuerbeliedsbrief, ‘hert’, ‘gefoel’, ‘besielje’, wurden dy’t Mao graach brûkte, dy’t betsjutten dat er nei syn eigen ynderlik harke, sadat er tsjinstelde fisys fan oaren net goed hearre koe. Dus aktyf mei keunst liket better. Mar dan, al is rjocht op net ferplichting ta, wêr leit by eat as kultureel aktivearjen de grins tusken oanpoenen en ferplichtsjen? En wat krekt is dy kultuer?

Fryslân set flink yn op kultueredukaasje. Dat falt ûnder it meidwaan oan kultuer;Provinsje Fryslân, ‘Uitvoeringsplan ‘Mei hert, holle en hannen 2017-2018’’, 20 juny s.a. [2016], 17 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=7&fileid=139&f=7ed5ba9d5868a52329be14b7c6a4f1a0&attachment=0> [krigen 26 septimber 2017]. de learplicht makket it meidwaan ferplicht. Stúdzjes ha sjen litten dat it effekt fan kultuer­edukaasje nihil is of folle minder as tocht, want skoalferlitters ferlieze de niget oan kultuer al gau.Sjoch Cock Dieleman, Het nieuwe theaterleren. Een veldonderzoek naar de rol van theater binnen Culturele en Kunstzinnige Vorming op havo en vwo, Proefskrift Universiteit van Amsterdam (Amsterdam: Universiteit van Amsterdam, 2010) en Marie-Louise Damen, Cultuurdeelname en CKV: studies naar effecten van kunsteducatie op de cultuurdeelname van leerlingen tijdens en na het voortgezet onderwijs, Proefskrift Universiteit van Utrecht (Utrecht: Universiteit Utrecht, 2010) <https://dspace.library.uu.nl/handle/1874/188109> [krigen 26 septimber 2017]. Mar wat wol kultuer­edukaasje eins? De oerheid is net wis fan it belang fan keunst en kultuer. Us provinsje hat it beskermjen fan literatuer ôfservearre fan ’e non-profit Tresoar nei in bedriuw mei merkwurking, de Afûk. Oer it ûnderwiis, dêr’t de provinsje de skoalbegelieding op it mêd fan Fryske taalles ek dellein hat by de publike sektor mei winsteachmerk, Cedin en Afûk,Provinsje Fryslân, ‘Taalplan Frysk’, s.d. <https://www.fryslan.frl/beleidsthemas/taalplan-frysk_42005/> [krigen 26 septimber 2017]. is al fêststeld dat dat in twiveleftige praktyk is en meastal net effektyf.Mark van der Veen en Marjolein Zwik, ‘De discutabele invloed van onderwijs­adviesbureaus’, Blogcollectief Onderzoek Onderwijs, 2 febrewaris 2017 <https://onderzoekonderwijs.net/2017/02/02/de-discutabele-invloed-van-onderwijs­adviesbureaus/> [krigen 26 septimber 2017]. Want kommersjele bedriuwen gean mei alle trends en hypes mei en/om’t hja libje fan ferkeap.Der is in polityk ûnderstipe ferskowing fan organisaasjefoarm, fan subsidiearre ynstellingen nei kommersjele bedriuwen. Nei’t it oandiel fan non-profit bedriuwen yn ’e folsleine wurkgelegenheid folle heger waard nei de Twadde Wrâldkriich, as gefolch fan it rommere fjild fan oerheids­aktiviteit, is fan de jierren tachtich ôf besocht om de oerheid wer lytser te meitsjen. In part fan de earder folslein subsidiearre publike sektor is ferselsstannige, dat wol sizze privatisearre of ferkocht mei amtners en al. Oare non-profit­organisaasjes foar in algemien maatskiplik doel falle no yn it grize gebiet tusken non-profit en for-profit, mei wat frije merkwurking en wat winsteachmerk. Wat de Fryske kultuersektor oanbelanget binne der in pear oligopolisten yn de benypte romte, nammentlik ynstitúsjo­nalisearre, oarspronklik ynformele mienskips­tsjinsten dy’t subsidiearre rekken en dêr’t de oerheid flink fet op hie, dy’t wol wat oan kwaliteits­belied dogge mar dêr’t in kwasymerkwurking is, om’t wat de klant betellet foar produkt of tsjinst altyd oanfolle wurdt ta de kostpriis troch de oerheid. It fernuveret dat der gjin krityk kommen is op de Tresoar-Afûk útruil. Werom nei de oerheid. Kultuer hoecht dy net, mar ropt wol dat kultueredukaasje hiel wichtich is. Dat komt om’t de oerheid de yntrinsike wearde fan kultueredukaasje, dus de wearde fan kultuer sels, ferfong troch ekstrinsike wearde. Kultueredukaasje koe weibesunige, of it moast wêze dat jo der wat oars as kultuer sels mei berikke koene.Cock Dieleman, ‘Maak van theatereducatie een volwaardig en uitdagend onderdeel in het curriculum’, LKCA, 23 juny 2015 <http://www.lkca.nl/cultureel%20kapitaal/opinie-cock-dieleman> [krigen 26 septimber 2017]; Liesbeth Kom, ‘Cultuureducatie; noodzaak of bijzaak?’, Master Thesis Kunst- en Cultuurwetenschappen, Erasmus School of History, Culture and Communication, 15 oktober 2012, 7 <https://thesis.eur.nl/pub/15195/Kom-E.pdf> [krigen 26 septimber 2017]. Dat spruts de steatssekretaris yn 2011 helder út: de ûndersykjende hâlding dy’t bern krije fan kultuer­edukaasje is wichtich foar ús kennismaatskippij.Halbe Zijlstra, ‘Meer dan kwaliteit, een nieuwe visie op cultuurbeleid’, 10 juni 2011, 7 <https://www.rijksoverheid.nl/binaries/rijksoverheid/documenten/beleidsnota-s/2011/06/10/meer-dan-kwaliteit-een-nieuwe-visie-op-cultuurbeleid/bijl-a-nieuwe-visie-cultuurbeleid.pdf> [krigen 26 septimber 2017]; hy ferwiist nei Raad voor Cultuur, Advies bezuiniging cultuur 2013-2016, s. 15.

Dêrom dus dat kultuer­edukaasje yn belieds­programma’s gauris ûnder it kopke stiet fan talintûntjouwing en kweekjen fan (kultureel) kapitaal of ynnovative kreativiteit; om kultuer giet it net en, slimmer, de learling stiet ek al lang net mear sintraal.Theisje van Dorsten, ‘Review 10 jaar onderzoek’, yn: LKCA, 10 jaar onderzoek cultuureducatie en cultuurparticipatie: Terugblik op 10 jaar Nederlands en Vlaams onderzoek én een agenda voor onderzoek (Utrecht: LKCA, 2016) 10-48, 17 <http://www.lkca.nl/~/media/downloads/publicaties/2016/10_jaar_onderzoek.pdf> [krigen 26 septimber 2017]. Opmerklik genôch oerkaam dat ek in doelgroep dy’t net foar de hân leit as it giet om kreativiteitsûntjouwing—mar betink wol dat troch derop te besunigjen it ûnderwiis yn Nederlân de lêste tweintich jier efterút gien is op it mêd fan taalbehearsking en wiskunde, en dat dêrom it ûnderwiis no mear mikt op ’e basisfeardichheden taal en rekkenjen en just net op kreatyf tinken en artistike en wittenskiplike problem-solving skills—nammentlik 65-plussers. Begjin 2016 hat de provinsje Fryslân syn bewenners frege nei hoe’t dy tinke oer kultuer.Fries sociaal Planbureau, ‘Fluchskrift Cultuurdeelname van senioren in Fryslân’, novimber 2016, 1 <https://www.friessociaalplanbureau.nl/sites/default/files/field_dldbl_file/publicatie_cultuurdeelname_van_senioren_in_fryslan.pdf> [krigen 26 septimber 2017]. It giet om de lytsskalige enkête foar Provinsje Fryslân, ‘Cultuurparticipatie in Fryslân 2016’, revisearre ferzje, Provinsje Fryslân, 19 december 2016. Dat is nijsgjirrich. Yn Philadelphia wiene ûnder de minsken trije opfettingen oer kultuer te ûnderskieden: literêre lêzingen en konserten en sa dêr’t jo hinne gean kinne, famylje­feesten lykas bertes en mei de famylje nei it park om muzyk te meitsjen, en frijwilligerswurk dwaan en oare aktiviteiten mei de tsjerke.Leah Mundell, Gretchen Suess, Eva Gold en Elaine Simon, ‘Meanings of cultural participation at the neighborhood level: A focus group analysis’, Philadelphia and Camden Cultural Participation Benchmark Project 5, 1-2 <http://repository.upenn.edu/siap_benchmark/5> [krigen 26 septimber 2017].

Kultuer as eat dat lju dy’t jo hielendal net kenne foar jo organisearje, wie foar twa fan ’e trije groepen in ûnbekend ferskynsel. Ut in fermoeden fan soks wei betocht de Belgyske minster fan Kultuer yn 2015 in boargerkabinet om him te rie te jaan oer kultuer. Dat kaam him op ’e beskuldiging fan goedkeap populisme te stean, wylst syn idee just útgie fan pluralisme—it provinsjaal Dichter fan Fryslânplan is populistysk om’t it útgiet fan homogeniteit: wy wolle allegearre itselde útsein fansels de korrupte elite, dat de sjuery lit him liede troch de wil fan it suvere folk. Ek woe de minister krekt lju meiprate litte dy’t noch net meidiene mei kultuer.Kim van de Perre, ‘Gatz roept hulp van burger in: “Met kritiek heeft dit plan niets te maken”’, De Morgen, 9 maart 2015 <https://www.demorgen.be/binnenland/gatz-roept-hulp-van-burger-in-met-kritiek-heeft-dit-plan-niets-te-maken-b4e6fdb1/> [krigen 26 septimber 2017].

Mar net meidwaan mei kultuer, kin dat? Is it ontologysk mooglik om ‘tradisjoneel mar in bytsje affiniteit’ mei kultuer te hawwen? Nee. It is sa dat net yn alle fermiddens sympaty foar konsuminte- en popkultuer ta de oerdroegen tradysjes heart. Mar alle minsken ynteraktearje mei oaren en nimme automatysk wearden, betsjutting en gedrach oer.Judith A. Howard, ‘Social psychology of identities’, Annual Review of Sociology 26 (2000) 367-393, 371 <http://www.uvm.edu/pdodds/files/papers/others/2000/howard2000a.pdf> [krigen 26 septimber 2017]. Yn it ferlingde dêrfan, dat ien syn identiteit net ken en dus syn rjochten net útoefenet, is ek ûnmooglik. Us kulturele omkriten binne altyd ûnfêst en yn beweging. Us identiteit dy’t wy dêroan ûntliene dus ek. Mar de aspekten fan ús deistich libben binne bekend en oersichtlik en op grûn fan de realiteit dêr’t wy yn libje hannelje wy.Judith A. Howard, ‘Social psychology of identities’, Annual Review of Sociology 26 (2000) 367-393, 388 <http://www.uvm.edu/pdodds/files/papers/others/2000/howard2000a.pdf> [krigen 26 septimber 2017].

No de âlderein. Harren meidwaan oan kultuer soe in wichtige maatskiplike wearde hawwe: se bliuwe langer sûn en langer sosjaal nuttich.Ministerie van OCW, ensf., ‘Convenant Ouderen en cultuur’, 18 juny 2013, 4 <https://www.rijksoverheid.nl/binaries/rijksoverheid/documenten/convenanten/2013/06/18/convenant-ouderen-en-cultuur/convenant-ouderen-en-cultuur.pdf> [krigen 26 septimber 2017]. Dus gie stichting Keunstwurk ôf op dy “Friese 65-plussers [die] relatief weinig gebruik van kunst en cultuur” makken, “[o]ndanks een hoge cultuurdichtheid.” Nettsjinsteande de faak tige hertlauwe reaksjes om’t gjin probleem ûnderfûn waard, die Keunstwurk alle war de âlderein “op de been te krijgen en op prikkelende wijze met ze in gesprek te gaan.”Fonds voor Cultuurparticipatie, ‘Tijd voor talent: cultuur vitaliseert vergrijzende dorpen ouderen vertellen over hun behoeften aan cultuur’, s.d. <http://www.cultuurparticipatie.nl/magazine/tijd-voor-talent--cultuur-vitaliseert-vergrijzende-dorpen/> [krigen 26 septimber 2017]. It gie om it Keunstwurkprojekt ‘De bus – tijd voor talent’. Dêrneist is stichting Keunstwurk, yn ’e mande mei it Fries Sociaal Planbureau, útfierder fan de twajierlikse survey Friese cultuurverenigingsmonitor, dat mei in enkête de neden en winsken fan ferieningen op it mêd fan toaniel, dûnsjen, muzyk en byldzjende keunst garje wol foar beliedsdoelen; it berik fan de monitor is dus inkeld en allinne de formele, registrearre ferieningen foar in beheinde rige fan tradysjonele, organisearre kultueraktiviteiten en troch de metodyk fan in sletten fragelist is der in beheinde kar út foar-formulearre responsen (gewoanlik beheind ta it binnen it belied passend oanbod, lykas hjir de kulturele haadstêd, dêr’t Keunstwurk dan ek 15 âldereinprojekten ynfytse wol), sjoch ‘Tweejaarlijks onderzoek naar Friese cultuur’, Friesch Dagblad, 27 july 2016 <http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=71579> [krigen 26 septimber 2017]. It ein fan it liet wie dat der ‘keunstners’ kamen. Om kultuer oan ’e âlderein te jaan. En sa waard it rjocht op kultuerdielnimmen fan de Rie fan Europa yn Fryslân in plicht ta kultuerdielnimmen.

Epilooch

Hoe nommel it minskerjocht op kultuerdielnimmen ek en al hoe’t de Feriene Naasjes, de Ried fan Europa en de Europeeske Kommisje ek opklearen dat it fansels gie om ferskaat, dat alle minderheden it rjocht hiene om diel te nimmen oan har eigen kultuer, de fraach bliuwt: wa syn ‘eigen’ kultuer. Want kultuer is net oanberne mar leard. Dus fan en troch wa? Wa krekt bedoele de minskerjochten?

It subjekt fan minskerjochten is de unike yndividu. Minkserjochten foarmje in universeel diskoers, in kosmopolitysk rjocht, seit filosoof Kant—binne jo minske, dan ha jo dat rjocht, punt. It minskerjocht giet út fan ’e eksistinsjele yntegriteit en hielheid fan in minske: dus jo kultuer. Mar sa wurkje wetten en boargerskip net. Foar belied binne wy allegearre gelikens.Anna Yeatman, ‘Who is the subject of human rights?’, in: Denise Meredyth en Jeffrey Minson, Citizenship & cultural policy (London / Thousand Oaks, CA / New Delhi: SAGE, 2001) 104-119, 104. [American Behavioral Scientist 43:9 (2000) 1486-1513.] Dêr is ús rjocht al gau op ienheidskultuer.

As dan it ynstrumintele tinken—hoe berik ik myn doel—skieden wurdt fan de symboalyske wrâld—keunst, kultuer—dan falt kultuer útinoar yn de merk en de identiteit.Alain Touraine, ‘The end of instrumental culture’, Quaderns de la Mediterrània 14 (2010) 67-72, 67 <http://www.iemed.org/publicacions/quaderns/14/qm14_pdf/12.pdf> [krigen 26 septimber 2017]. Stjoert dêrnei in sintrale macht dy kulturele identiteit op in manier dy’t ús publike en private libben regulearret, of hawwe minsken net in plak dêr’t har eigen stim út himsels wichtich is,Hannah Arendt, Elemente und Ursprünge totaler Herrschaft (New York City: Schocken Books, 1951). tsja. Dan rûke jo al gau de boekferbaarningen.

Noaten

  1. Council of Europe/ERICarts, ‘Cultural access and participation’, Compendium of Cultural Policies and Trends in Europe 17th edition, 2016 <http://www.culturalpolicies.net/web/cultural-participation.php> [krigen 26 septimber 2017].
  2. European Commission, ‘Survey shows fall in cultural participation in Europe’, EC Press Release Database, 4 novimber 2013 <http://europa.eu/rapid/press-release_IP-13-1023_en.htm> [krigen 26 septimber 2017].
  3. European Commission, ‘Cultural access and participation, Special Eurobarometer 399’, novimber 2013, 61-62 <http://ec.europa.eu/commfrontoffice/publicopinion/archives/ebs/ebs_399_en.pdf> [krigen 26 septimber 2017].
  4. Provinsje Fryslân, ‘Cultuurparticipatie in Fryslân 2016’, revisearre ferzje, Provinsje Fryslân, 10 maart 2017, 34 <http://www.fryslan.databank.nl/report/Cultuurparticipatie%202016.pdf> [krigen 26 septimber 2017].
  5. Provinsje Fryslân, ‘Uitvoeringsplan ‘Mei hert, holle en hannen 2017-2018’’, 20 juny s.a. [2016], 5 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=7&fileid=139&f=7ed5ba9d5868a52329be14b7c6a4f1a0&attachment=0> [krigen 26 septimber 2017].
  6. Provinsje Fryslân, Ofdieling kultuer en mienskip, ‘Beliedsbrief Hert, Holle, Hannen’, 21 juny 2016, 4 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=7&fileid=145&f=11e928c0d3e9f1491e64cac3ce8ae694&attachment=0> [krigen 26 septimber 2017].
  7. Provinsje Fryslân, ‘Mei elkenien foar elkenien: Koalysjeakkoart 2015-2019’, s.d., 22-23 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=22&fileid=3811&f=414e4cb6a085ecb093b0e5b44384e6d7&attachment=0> [krigen 26 septimber 2017].
  8. Provinsje Fryslân, Uitvoeringsagenda Mei elkenien foar elkenien, s.d., 11 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=16&fileid=961&f=b2393cfa56ee8d2d6ba7febb2d9d3d94&attachment=0> [krigen 26 septimber 2017].
  9. Provinsje Fryslân, 8.1 Cultuur, Begroting 2016, s.d. <https://provinciale-begroting.frl/2016/planning-control/jaarstukken/beleidsprogrammas/programma-8-cultuur-taal-en-onderwijs/8-1-cultuur/> [krigen 26 septimber 2017].
  10. Provinsje Fryslân, Ofdieling Frysk kapitaal, Brief oan Provinsjale Steaten, Underwerp ‘Uitvoering beleid resultaat 13’, 27 july 2017 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=16&fileid=21736&f=e0f44815b29ef1de21f50cb23183df86&attachment=1&c=8050> [krigen 26 septimber 2017].
  11. Iggy Pop & David Bowie, ‘Nightclubbing’, album ‘The Idiot’, 18 maart 1977.
  12. Provinsje Fryslân, ‘Uitvoeringsplan ‘Mei hert, holle en hannen 2017-2018’’, 20 juny s.a. [2016], 17 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=7&fileid=139&f=7ed5ba9d5868a52329be14b7c6a4f1a0&attachment=0> [krigen 26 septimber 2017].
  13. Sjoch Cock Dieleman, Het nieuwe theaterleren. Een veldonderzoek naar de rol van theater binnen Culturele en Kunstzinnige Vorming op havo en vwo, Proefskrift Universiteit van Amsterdam (Amsterdam: Universiteit van Amsterdam, 2010) en Marie-Louise Damen, Cultuurdeelname en CKV: studies naar effecten van kunsteducatie op de cultuurdeelname van leerlingen tijdens en na het voortgezet onderwijs, Proefskrift Universiteit van Utrecht (Utrecht: Universiteit Utrecht, 2010) <https://dspace.library.uu.nl/handle/1874/188109> [krigen 26 septimber 2017].
  14. Provinsje Fryslân, ‘Taalplan Frysk’, s.d. <https://www.fryslan.frl/beleidsthemas/taalplan-frysk_42005/> [krigen 26 septimber 2017].
  15. Mark van der Veen en Marjolein Zwik, ‘De discutabele invloed van onderwijsadviesbureaus’, Blogcollectief Onderzoek Onderwijs, 2 febrewaris 2017 <https://onderzoekonderwijs.net/2017/02/02/de-discutabele-invloed-van-onderwijsadviesbureaus/> [krigen 26 septimber 2017].
  16. Der is in polityk ûnderstipe ferskowing fan organisaasjefoarm, fan subsidiearre ynstellingen nei kommersjele bedriuwen. Nei’t it oandiel fan non-profit bedriuwen yn ’e folsleine wurkgelegenheid folle heger waard nei de Twadde Wrâldkriich, as gefolch fan it rommere fjild fan oerheidsaktiviteit, is fan de jierren tachtich ôf besocht om de oerheid wer lytser te meitsjen. In part fan de earder folslein subsidiearre publike sektor is ferselsstannige, dat wol sizze privatisearre of ferkocht mei amtners en al. Oare non-profitorganisaasjes foar in algemien maatskiplik doel falle no yn it grize gebiet tusken non-profit en for-profit, mei wat frije merkwurking en wat winsteachmerk. Wat de Fryske kultuersektor oanbelanget binne der in pear oligopolisten yn de benypte romte, nammentlik ynstitúsjonalisearre, oarspronklik ynformele mienskipstsjinsten dy’t subsidiearre rekken en dêr’t de oerheid flink fet op hie, dy’t wol wat oan kwaliteitsbelied dogge mar dêr’t in kwasymerkwurking is, om’t wat de klant betellet foar produkt of tsjinst altyd oanfolle wurdt ta de kostpriis troch de oerheid. It fernuveret dat der gjin krityk kommen is op de Tresoar-Afûk útruil.
  17. Cock Dieleman, ‘Maak van theatereducatie een volwaardig en uitdagend onderdeel in het curriculum’, LKCA, 23 juny 2015 <http://www.lkca.nl/cultureel%20kapitaal/opinie-cock-dieleman> [krigen 26 septimber 2017]; Liesbeth Kom, ‘Cultuureducatie; noodzaak of bijzaak?’, Master Thesis Kunst- en Cultuurwetenschappen, Erasmus School of History, Culture and Communication, 15 oktober 2012, 7 <https://thesis.eur.nl/pub/15195/Kom-E.pdf> [krigen 26 septimber 2017].
  18. Halbe Zijlstra, ‘Meer dan kwaliteit, een nieuwe visie op cultuurbeleid’, 10 juni 2011, 7 <https://www.rijksoverheid.nl/binaries/rijksoverheid/documenten/beleidsnota-s/2011/06/10/meer-dan-kwaliteit-een-nieuwe-visie-op-cultuurbeleid/bijl-a-nieuwe-visie-cultuurbeleid.pdf> [krigen 26 septimber 2017]; hy ferwiist nei Raad voor Cultuur, Advies bezuiniging cultuur 2013-2016, s. 15.
  19. Theisje van Dorsten, ‘Review 10 jaar onderzoek’, yn: LKCA, 10 jaar onderzoek cultuureducatie en cultuurparticipatie: Terugblik op 10 jaar Nederlands en Vlaams onderzoek én een agenda voor onderzoek (Utrecht: LKCA, 2016) 10-48, 17 <http://www.lkca.nl/~/media/downloads/publicaties/2016/10_jaar_onderzoek.pdf> [krigen 26 septimber 2017].
  20. Fries sociaal Planbureau, ‘Fluchskrift Cultuurdeelname van senioren in Fryslân’, novimber 2016, 1 <https://www.friessociaalplanbureau.nl/sites/default/files/field_dldbl_file/publicatie_cultuurdeelname_van_senioren_in_fryslan.pdf> [krigen 26 septimber 2017]. It giet om de lytsskalige enkête foar Provinsje Fryslân, ‘Cultuurparticipatie in Fryslân 2016’, revisearre ferzje, Provinsje Fryslân, 19 december 2016.
  21. Leah Mundell, Gretchen Suess, Eva Gold en Elaine Simon, ‘Meanings of cultural participation at the neighborhood level: A focus group analysis’, Philadelphia and Camden Cultural Participation Benchmark Project 5, 1-2 <http://repository.upenn.edu/siap_benchmark/5> [krigen 26 septimber 2017].
  22. Kim van de Perre, ‘Gatz roept hulp van burger in: “Met kritiek heeft dit plan niets te maken”’, De Morgen, 9 maart 2015 <https://www.demorgen.be/binnenland/gatz-roept-hulp-van-burger-in-met-kritiek-heeft-dit-plan-niets-te-maken-b4e6fdb1/> [krigen 26 septimber 2017].
  23. Judith A. Howard, ‘Social psychology of identities’, Annual Review of Sociology 26 (2000) 367-393, 371 <http://www.uvm.edu/pdodds/files/papers/others/2000/howard2000a.pdf> [krigen 26 septimber 2017].
  24. Judith A. Howard, ‘Social psychology of identities’, Annual Review of Sociology 26 (2000) 367-393, 388 <http://www.uvm.edu/pdodds/files/papers/others/2000/howard2000a.pdf> [krigen 26 septimber 2017].
  25. Ministerie van OCW, ensf., ‘Convenant Ouderen en cultuur’, 18 juny 2013, 4 <https://www.rijksoverheid.nl/binaries/rijksoverheid/documenten/convenanten/2013/06/18/convenant-ouderen-en-cultuur/convenant-ouderen-en-cultuur.pdf> [krigen 26 septimber 2017].
  26. Fonds voor Cultuurparticipatie, ‘Tijd voor talent: cultuur vitaliseert vergrijzende dorpen ouderen vertellen over hun behoeften aan cultuur’, s.d. <http://www.cultuurparticipatie.nl/magazine/tijd-voor-talent--cultuur-vitaliseert-vergrijzende-dorpen/> [krigen 26 septimber 2017]. It gie om it Keunstwurkprojekt ‘De bus – tijd voor talent’. Dêrneist is stichting Keunstwurk, yn ’e mande mei it Fries Sociaal Planbureau, útfierder fan de twajierlikse survey Friese cultuurverenigingsmonitor, dat mei in enkête de neden en winsken fan ferieningen op it mêd fan toaniel, dûnsjen, muzyk en byldzjende keunst garje wol foar beliedsdoelen; it berik fan de monitor is dus inkeld en allinne de formele, registrearre ferieningen foar in beheinde rige fan tradysjonele, organisearre kultueraktiviteiten en troch de metodyk fan in sletten fragelist is der in beheinde kar út foar-formulearre responsen (gewoanlik beheind ta it binnen it belied passend oanbod, lykas hjir de kulturele haadstêd, dêr’t Keunstwurk dan ek 15 âldereinprojekten ynfytse wol), sjoch ‘Tweejaarlijks onderzoek naar Friese cultuur’, Friesch Dagblad, 27 july 2016 <http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=71579> [krigen 26 septimber 2017].
  27. Anna Yeatman, ‘Who is the subject of human rights?’, in: Denise Meredyth en Jeffrey Minson, Citizenship & cultural policy (London / Thousand Oaks, CA / New Delhi: SAGE, 2001) 104-119, 104. [American Behavioral Scientist 43:9 (2000) 1486-1513.]
  28. Alain Touraine, ‘The end of instrumental culture’, Quaderns de la Mediterrània 14 (2010) 67-72, 67 <http://www.iemed.org/publicacions/quaderns/14/qm14_pdf/12.pdf> [krigen 26 septimber 2017].
  29. Hannah Arendt, Elemente und Ursprünge totaler Herrschaft (New York City: Schocken Books, 1951).

Foaropwurd

Fers2 nû. 3.14, 17 septimber 2017

‘Kultuer is dus net it doel’

image Fers2

Lit ús earst de kontekst sketse. Yn de Prinsetún, it park dêr’t Vestdijk karakteristiken fan liende foar trije parksênes dy’t, nettsjinsteande de Faam Mariasymbolyk dy’t alle tunen meitôgje, it sûndefalplot net keare kinne—as om te ûnderstreekjen dat alles draait om begear is de parkútspanning mei deselde namme as Vestdijks roman begjin dit jier opnij fan de iene fêstguodalliânsje nei de oare oergien—dêr stiet in boerd. ‘Friesland Style’ stiet derop. Dat is in marketingding fan it provinsjemarketingburo Merk Fryslân, sadat wy ôfliede kinne dat it boerd der delset is troch de provinsje, al of net dêrta oanpoene troch de kulturele haadstêd­organisaasje. Dat it is gjin wyld boerd. It is in offisjelenien. Mar it is net in publikenien, dat wol sizze net foar formele publyksynfo fan ’e provinsje, want it boerd is net twatalich, hoewol’t jo by de provinsje grif wol om in oersetting yn ús eigen taal freegje kinne. Ek sjocht it boerd der tige tydlik út. Syn typyske ferkiezings-billboard-ûntwerp fan goedkeap plaatmateriaal mei papier derop plakt assosjearje wy ûnûntkomber mei gelegenheidsidealen en fersprate beloftes dy’t net langer hoekhâlde as oant de earste stjalpske rein.

Op de foarkant fan it boerd stean de twa sponsorlogo’s fan de kulturele haadstêd, oanfolle, want twa stik stiet sa suterich, troch de partnerlogo’s en noch wat lyts logowurk. Dêrûnder stiet de catchphrase ‘In 2018 is Leeuwarden - Friesland culturele hoofdstad van Europa / Grootse plannen’. Dat is it en it altyd wat stykjende ‘Leeuwarden-Fryslân’ is wer gewoan: Leeuwarden-Friesland.

Mar no komt de tekst, op de sydkant fan it boerd dêr’t, oars as de rêch fan in boek, gjin minske ea nei sjocht:

Met lef onze dromen najagen

Leeuwarden-Fryslân [ja: Lwd-Fryslân] is in 2018 de culturele hoofdstad van Europa. Een jaar lang laten we zien hoe wij Friezen het leven vieren en daarbij een gezonde planeet achter  laten [okee: English disease] voor de generaties die nog komen. Hoe we met lef onze kop boven het maaiveld uitsteken om onze eigenwijze manieren grenzeloos aan de wereld te laten zien. Cultuur is dus niet het doel, maar het middel.

Ons landschap is het podium [just: it platfoarm foar sabeare] en iedereen is uitgenodigd!

De provinsje hat gjin kultuerteoretisy yn tsjinst, gjin keunstfilosofen, gjin estetisy. Sawat elkenien dy’t fertelle koe wat keunst of kultuer is ferdwûn nei Grins of fierder fuort doe’t Fryslân yn 1989 syn keunstynstellingen ynwiksele foar wat ûnderwiis, it saneamde Heareakkoart. Wol de provinsje no wat witte oer kultuer, dan geane se earst, want gewoanlik wolle se fral witte hoe’t se kultuer ferkeapje kinne, nei Merk Fryslân. Dy sizze dan, om’t kultuer as grûnstof de kostepost útmakket, mar net de toerisme­baten dêr’t hja har rûtineus op rjochtsje: “Oei. No, kultuer is net it doel.” Dêr kôget de provinsje wat op om, it liket mar in heale hint, dus se rinne nei har útfieringsorganisaasje foar kultuerûnderwiis en kultuerprojekten, stichting Keunstwurk. Dy dogge net oan de teory-ûntjouwing fan keunst want se binne mar útfierders, dat dy sizze: “Na, kultuer is mar in middel, ju.” De provinsje fielt dat se waarm binne, no noch ien lêste stap, op nei it plak dat op alle fragen in antwurd hat. Yn syn ûneindige wiisheid jout dan it ynternet op de fraach ‘goal means culture?’ in noflike gjalp mar pynlike missitearring, want Goethe hie in like grutte hekel oan kristlik sweeslaan as oan knyflok,Venezianische Epigramme, 66: “Wenige sind mir jedoch wie Gift und Schlange zuwider; Viere: Rauch des Tabacks, Wanzen und Knoblauch und †.” It krússymboal dat Goethe tekene kin opfette wurde as ferwizend nei kristendom, Kristus of dea. nammentlik: “Piety is not a goal but a means.”Goethe skriuwt: “Frömmigkeit ist kein Zweck, sondern ein Mittel, um durch die reinste Gemütsruhe zur höchsten Kultur zu gelangen.” Johann Wolfgang von Goethe, Maximen und Reflexionen. Aphorismen und Aufzeichnungen. Nach den Handschriften des Goethe- und Schiller-Archivs hg. von Max Hecker (Weimar: Verlag der Goethe-Gesellschaft, 1907). Ut ‘Wilhelm Meisters Wanderjahren’, 1829, ‘Betrachtungen im Sinne der Wanderer’, dat hannelet oer “Kunst, Ethisches, Natur”. Ferromme ferjit de provinsje te freegjen: in middel ta wat?

Mar the medium is the massage, alteast foar in part. Bebuordzjen is in ferskynsel sa âld as de nacht. Der binne oanwizingen dat kommersjeel bebuordzjen 4000 jier lyn in Sina al in grut ferskaat oan winkelúthingbuorden opsmiet. Yn de Song-dynasty fan de tsiende oant tolfde ieu ûntjoech him in konsumpsje­kultuer foar alle maatskiplike klassen en net inkeld de elite, sadat it strategysk ynvestearjen yn in corporate image, winkellogo’s, merksymboalen, hannelsmerkbeskerming, tûk betochte merkkonsepten en sekuer ôfstimde reklame in hast logysk gefolch wie. Yn trijetûzen jier is der net in soad feroare, behalven dat op in stuit de kommersjele teksten oanfolle waarden mei net-kommersjele uteringen.

Buorlju fersykje jo om Lucius Statius Receptus te ferkiezen ta duumvir mei rjochterlike macht, in weardich man. Aemilius Celer hat dit skreaun, syn buorman. Jo jaloersk persoan dy’t dit wei wisket, meie jo siik wurde.L(ucium) Statium Receptum / IIvir(um) i(ure) d(icundo) o(ro) v(os) f(aciatis) vicini dig(num) scr(ibsit) Aemilius Celer vic(ini) / invidiose / qui deles / ae[g]rotes

Hoe prachtich kalligrafearre oft it ek wie, in ieu foar nul yn Pompejy, sok net op konsumpsje rjochte bebuordzjen hie gjin status en it is inkeld mar bewarre bleaun om’t de Fesuvius earder kaam as de muorreboarstelploech. Dat statusferskil tusken kommersjele en net-kommersjele uteringen yn de iepenbiere romte is no noch slimmer. By ús om ’e hoeke hinget in swilken bousket mei dêrop it boubedriuw syn boilerplate ‘Als het om bouwen gaat’, en dêrefter op ’e net brûkte, iepen romte fan de multypleks-platen om it bouplak, dêr stiet

welcome to the eye of the stormLaser 3.14, Noordermarkt x Boomstraat, Amsterdam.

Alle Amsterdammers kenne de prachtige, riedseleftige, sabeare-profetyske teksten fan Laser 3.14—de namme liket wurdboarterij op it Amsterdamske ‘leser’, lêzer—mar hoewol’t de graffiti writer altyd wurket op objekten dêr’t it gjin skea oan docht, lykas bousketten, is syn street art lang net sa geleafd as syn t-shirts. Graffiti falt altyd yn de dichotomyen misdie–keunst en hanthavenje–tolerearje, wylst reklame op ’e dyk net inkeld tastien is mar just oanmoedige wurdt, om’t it goed wêze soe foar de ekonomy sadat ‘wy’ flugger út de resesje klimme kinne. Mar net allinne spontane, ek erkende keunst yn de iepenbiere romte wurdt min beskerme. It wurdt net goed ûnderholden of ferdwynt soms gewoan, makket net út dat de oerheid de wurken sels pleatst hat. Keunst yn de iepenbiere romte hat dan ek gjin publyk, seit in resint ûndersyk. Minsken bliuwe der net foar stilstean lykas foar in fjoerspuier. Neist it tekoart oan spektakelwearde skept de opdrachtjaande oerheid twa ekstra problemen. Nei it plak dêr’t it wurk komt mei syn bewenners en brûkers sjocht de oerheid amper. En wylst de keunstner ynteresearre is yn it estetyske en symboalyske effekt giet it de oerheid gewoanlik om ’e sosjale en ekonomyske wurking.Martin Zebracki, Public artopia. Art in public space in question (Amsterdam: Pallas Publications, 2012).

De oerheid beskôget de iepenbiere romte gauris as fan him. De manier sa’t it seleksjeproses foar iepenbiere keunst syn beslach krijt is op syn bêst net-neutraal, likemin as dat kultuerûnderwiis ideologysk neutraal is mar altyd de oerheidsfisy op wat kultuer wêze moat wjerspegelet. Faak is it útkeazen en pleatste wurk in foarm fan oerheidsreklame of ûndûbelsinnige propaganda.Chantal Mouffe, ‘Which public space for critical artistic practices?’ [2005], yn: Cork Caucus: On art, possibility & democracy (Frankfurt am Main: Revolver, 2006) 149-171. Cork Caucus wie in grutte ynternasjonale gearkomst fan sa’n tachtich keunstners, filosofen, skriuwers en oare kreative yntellektuelen, yn it ramt fan Cork syn hâlden fan de Europeeske Kulturele Haadstêdposysje, fan 20 juny oant 11 july 2005, organisearre troch de National Sculpture Factory. It mei, sa’t iepenbiere romtekeunstner Siah Armajani opmurk op in workshop oer keunst en propaganda, dúdlik wêze dat it ferearjen fan it lân mei monuminten in nuver ding is yn in demokrasy, om’t in echte demokrasy gjin helden hoecht te kweekjen. Ommers fan alle boargers wurdt ferwachte dat hja alle dagen partisipearje yn ’e maatskippij en bydrage oan it algemien goed.‘iD#5 Manresa | Cal Gras’, Idensitat, 2010 <https://www.idensitat.net/en/id-calaf-manresa-2009-2013/584-arte-y-propaganda-estrategias-y-practicas-do-it-yourself> [krigen 14 septimber 2017].

Propaganda is hoe’t in groep mei macht, bygelyks de oerheid, mei in berop op ús betrouwen yn de sprekker, ús gefoel en ús ferstân, fisuele tekens foarmet om syn idee fan it wiere en goede oer te dragen. As it oer produktreklame giet dan ferbiedt Europeeske wetjouwing mislieding, al sette se har krekt yn aksje by sichtbere skea oan de konsumint en sille se net fanwegen komme as de penisfergrutter de penis inkeld mar net grutter makket. Tsjin misliedend oertsjûgjen dat ûngefaarlik liket bestiet gjin beskerming en likemin tsjin ôfgryslike oerdriuwing of aperte leagens yn it grize gebiet fan ‘spesjale promosjonele artikelen’ en sponsored content. Mar ek sûnder it paadwizen fan de wetjouwer lei it foar de hân dat sûnt de Song-dynasty allerhanne foarmen fan slûkreklame opkomme soene, dy’t laten ta advertorials yn ’e kranten en native advertisingnative tsjut op it ûnwaarnimber oansluten fan de product placement op ’e oare berjochtjouwing—yn online media. In mjuks tusken de twa foarmen fan reklame ferklaaid as publyks­ynformaasje is ûnder mear de provinsjale ‘nijsside’ Finster op Fryslân.

Al stiet reklamemeitsjen troch bedriuwen sintraal yn it kapitalistyske ramt, as ûnmisber middel om de fraach nei massaprodukten te kontinuearjen en sa de ekonomy oan te jeien, reklame is net sûnder maatskiplike kosten. Ferkeapemails, eufemistysk nijsbrieven neamd, en alle foarmen fan ûnwinske bulkberjochten dy’t spam is kommen te hjitten, binne osa hinderlik foar ynternetbrûkers en spam-previnsje kostet de ynternetproviders hannen fol jild. Dêrneist bedobje winkels ús ûnder in stream fan net-adressearre reklameprintwurk. Yn Amsterdam wurdt trijetûzen ton papier net-lêzen fuortsmiten, ek om’t de nee-neesticker tsjin net-winske reklame dy folders lang net foar hûndert persint keart. Dat stiet gelyk oan it kapjen fan tsientûzen beammen jiers, los fan de fersmoargingsskea fan de meastal yn plestik ferpakte reklamepakketsjes dy’t net-besoarge yn de boskjes lizzen bliuwe.

Neist de negative finansjele konsekwinsjes en it miljeu-aspekt fan reklame, ynbegrepen de ferhege konsumpsje dy’t logyskerwize mear fuortsmiten meibringt fan produkten dy’t lang net altyd geskikt binne foar recycling, rjochtet de krityk op reklame him op de audiofisuele aspekten en op de politike en etysk-morele gefolgen. It ferbân tusken de grôtfolle, gaoatyske, lawaaïige, feitlik foar in grut part privatisearre, oan ’e bewenner ûntfytmanne iepenbiere romte en folkssûnens stiet fêst. Us hyperkommersjalisme hat soarge dat wêr’t wy ek nei ta gean reklame binnenkringt. Mar dy oerfloed makket it foar de aparte advertearder lestiger om syn publyk te berikken, sadat er nammerste mear en agressiver reklame meitsje sil. Sadwaande is der hjoeddedei gjin plak mear, ek net yn ús private romte thús, sels net ûnder de dûs dêr’t de sjampoo ûndogensk lústeret dat Herbal Essences de alderdjipste orgasmes jout, dêr’t wy frij binne fan beynfloeding. Dy beynfloeding is snoader, mear fia it ûnderbewuste, mei ûntrochsichtiger leagens en sûnder skrupules rjochte op kwetsbere doelgroepen, lykas bern. Yn in wrâld sa fol mei boadskippen dy’t ús oertsjûgje moatte fan eat dat wy net iens witte wolle, bestiet frijheid fan ekspresje miskien op papier noch wol, mar wa syn stim oft heard wurdt en wa sines smoard of sensurearre, dat wurdt inkeld regele troch de wet fan de jungle.

Want de oerheid, ynstee fan oer it boppesteande ris nei te tinken, hâldt en draacht him troch it tanommen kommersjalisme en de neoliberalistyske ideology hieltyd mear as kommersjeel bedriuw. Us oerheid hat it smoardrok mei it sykjen fan in noch net sêde stikje iepenbiere romte. Us oerheid docht alle war om dêr syn ferburgen aginda te setten: om konsumpsje as iennichste doel yn ’e holle fan it publyk te plantsjen. En net kultuer, fansels.

Noaten

  1. Venezianische Epigramme, 66: “Wenige sind mir jedoch wie Gift und Schlange zuwider; Viere: Rauch des Tabacks, Wanzen und Knoblauch und †.” It krússymboal dat Goethe tekene kin opfette wurde as ferwizend nei kristendom, Kristus of dea.
  2. Goethe skriuwt: “Frömmigkeit ist kein Zweck, sondern ein Mittel, um durch die reinste Gemütsruhe zur höchsten Kultur zu gelangen.” Johann Wolfgang von Goethe, Maximen und Reflexionen. Aphorismen und Aufzeichnungen. Nach den Handschriften des Goethe- und Schiller-Archivs hg. von Max Hecker (Weimar: Verlag der Goethe-Gesellschaft, 1907). Ut ‘Wilhelm Meisters Wanderjahren’, 1829, ‘Betrachtungen im Sinne der Wanderer’, dat hannelet oer “Kunst, Ethisches, Natur”.
  3. L(ucium) Statium Receptum / IIvir(um) i(ure) d(icundo) o(ro) v(os) f(aciatis) vicini dig(num) scr(ibsit) Aemilius Celer vic(ini) / invidiose / qui deles / ae[g]rotes
  4. Laser 3.14, Noordermarkt x Boomstraat, Amsterdam.
  5. Martin Zebracki, Public artopia. Art in public space in question (Amsterdam: Pallas Publications, 2012).
  6. Chantal Mouffe, ‘Which public space for critical artistic practices?’ [2005], yn: Cork Caucus: On art, possibility & democracy (Frankfurt am Main: Revolver, 2006) 149-171. Cork Caucus wie in grutte ynternasjonale gearkomst fan sa’n tachtich keunstners, filosofen, skriuwers en oare kreative yntellektuelen, yn it ramt fan Cork syn hâlden fan de Europeeske Kulturele Haadstêdposysje, fan 20 juny oant 11 july 2005, organisearre troch de National Sculpture Factory.
  7. ‘iD#5 Manresa | Cal Gras’, Idensitat, 2010 <https://www.idensitat.net/en/id-calaf-manresa-2009-2013/584-arte-y-propaganda-estrategias-y-practicas-do-it-yourself> [krigen 14 septimber 2017].

Foaropwurd

Fers2 nû. 3.13, 3 septimber 2017

Wa hat feitlik ferlet fan de dichter fan fryslân?

image Fers2

Wis en wrachtich barre der moaie dingen op poeta laureatusmêd! Net inkeld is âld-poet laureate Juan Felipe Herrera

Odd to be a half-Mexican, let me put it this way

I am Mexican + Mexican, then there’s the question of the half

To say Mexican without the half, well it means another thingEarste trije rigels fan Juan Felipe Herrera, ‘Half-Mexican’, út Notes on the assemblage (San Francisco, CA: City Lights Publishers, 2015) 87.

net deportearre. Ek is op 14 juny Tracy K. Smith oanwiisd as nije poet laureate fan de Feriene Steaten

Bowie is among us. Right here

In New York City. In a baseball cap

And expensive jeans. … Rigels fan Tracy K. Smith, ‘Don’t you wonder, sometimes?’, út Life on Mars (Minneapolis, MN: Graywolf Press, 2011) 20.

Nettsjinsteande de yn ’t moed taastende smeekbea fan dichter-filmmakker Ethan Coen oan presidint Trump om him poet laureate te meitsjen, om’t syn (Coens) dichtwurk altyd rymt wylst by de eardere laureaten “very weak, American poetry has failed even to rhyme”,Ethan Coen, ‘President Trump, make me poet laureate!’, Huffington Post, 9 maart 2017 <http://www.huffingtonpost.com/entry/president-trump-make-me-poet-laureate_us_58c0899ae4b0d1078ca3c417> [krigen 30 augustus 2017].

He smiles on Saudi atom bombs

And snarls at all the Gold Star moms

—Oh that’s not true, just one, when she

Was mean to him on the TV.Ethan Coen, ‘Be fair’, Huffinton Post, 27 jannewaris 2017 <http://www.huffingtonpost.com/entry/be-fair_us_588639d3e4b096b4a23341a0> [krigen 30 augustus].

is Coen it net wurden. Dat ek om’t Trump der wis fan is dat hysels in bettere dichter is, de bêste

Oh where did your balls go, Paul Ryan?

Tell me, where did your testicles go?

Are they near, are they far,

Do you know where they are,

Where oh where did your testicles go?Etan Coen, ‘Oh Where Did Your Balls Go, Paul Ryan?’, Huffington Post, 25 febrewaris 2017 <http://www.huffingtonpost.com/entry/oh-where-did-your-balls-go-paul-ryan_us_58b07e5be4b0a8a9b781eeb5> [krigen 30 augustus 2017].

It ynstitút poet laureate bestiet yn de Feriene Steaten krekt sûnt 1937, Nederlân hat noch mar in Dichter des Vaderlands fan 2000 ôf, mar Horasius (hjirûnder lilk op in beam dy’t hast op syn holle foel)

Wa’t dy hjir ek

earst plante hat,

die it op in kweade

dei en liet dy mei

hillichskein’de hannen

  opgroeie,

beam, foar it

ferneatigjen

    fan ’t neiteam

en de skande fan

it plattelân.Horasius, ‘Ille et nefasto te posuit die...’, Oades, 2.13. Ille et nefasto / te posuit die, / quicumque / primum, et / sacrilega manu /   produxit, / arbos, in nepotum /     perniciem / opprobriumque / pagi.

wie de earste dy’t op it Kapitoal de oan Apollo—de god, net de planeet—wijde lauwerkrânse krige, 17 jier foar nul en doe noch as earetitel sûnder fergoeding en ferplichtingen. Midsieuske keningen hiene in hofdichter om lof te sjongen, yn 1616 stelde de Ingelske kening Jakobus I in salaris yn foar de hofpropagandist, krekt ûnder Karel II wie John Dryden de earste beneamde—foar it libben—poet laureate, mar ek de iennichste dy’t dien krige. Want doe’t de katolike, nei religieuze frijheid stribjende Jakobus II ôfset waard troch Willem III fan Oranje, wegere Dryden dy trou te swarren sadat se him ferballen út it hof. In logysk gefolch fan dat belied wie dat Dryden opfolge waard troch in lange rige fan tige midsmjittige dichters.

Gelokkich kamen der ek wer hiele goeie, lykas Ted Hughes, dy’t nammers allinne mar poet laureate waard om’t Philip Larkin wegere. Nei Hughes syn dea yn 1999 hold elkenien de siken yn om’t de Prime Minister dejinge is dy’t de poet laureate útkiest—de monarch is der mar foar it goedkarren—en Tony Blair de erkende dichter drige te ferfangen troch de ‘people’s poet’. Blair hie Sir Paul McCartney

12345 let’s go for a drive

678910 ooh ooh

12345 let’s go for a drive

678910 let’s go there and back againPaul McCartney, ‘Driving rain’, fan it album Driving Rain, 2001.

yn ’e holle. It waard Andrew Motion, dy’t benammen hiel hurd wurke hat op skoallen om de serieuze poëzy fuort te sterkjen. Mar Motion wie der frij dúdlik oer dat it poet laureate wêzen “thankless” wie.Andrew Motion, ‘Yet once more, O ye laurels’, The Guardian, 21 maart 2009 <https://www.theguardian.com/books/2009/mar/21/andrew-motion-poet-laureate> [krigen 30 augustus 2017]. Net allinne is de poet laureate fanselssprekkend ‘mainstream’, wat altyd argewaasje en ridikulisearring opropt by de avant-garde,Sjoch de prachtige stúdzje fan Jerome Sala, What if someone were Listening? Contemporary poetry and the problem of popularity, Dissertaasje New York University, 2007. en somtiden parodyen útlokket dy’t stikken better binne as it orizjineel, lykas by it ynhuldigingsgedicht fan Clinton

ek wie wilens aardich dúdlik dat de job de kreativiteit fan de beneamde gjin fertuten docht.Andy McSmith, ‘The Big Question: What’s the history of Poet Laureates, and does the job still mean anything?’, Independent, 30 april 2009 <http://www.independent.co.uk/news/uk/this-britain/the-big-question-whats-the-history-of-poet-laureates-and-does-the-job-still-mean-anything-1677076.html> [krigen 30 augustus 2017].

Dat yn 2008, doe’t Motion syn tsien jier derop sieten, wie de Britske dichterswrâld opnij yn ûnstjoer. In stikmannich dichters wegere de beneaming en luts him werom, ûnder wa Wendy Cope, dy’t sei: “I think it is an archaic post. It has ridiculous expectations attached to it, which do not come from the palace or from Whitehall, but from the public and the media.”Guy Dammann, ‘Wendy Cope: ‘I don’t want to be laureate’’, The Guardian, 2 juny 2008 <https://www.theguardian.com/books/2008/jun/02/hayfestival2008.guardianhayfestival> [krigen 30 augustus 2017]. Ek al is der gjin job description, fansels wurdt der ferwachtte dat der by steats- en kroangelegenheden in gedicht fabrisearre wurdt, wat faak ûngelokkich útpakt

en dan neat mear mei swide poëzy te meitsjen hat en just alles mei de tsjintwurdige, maklike, ûnfertsjinne celebrity. Mar woene wy net just erkenning fan de hege artistike prestaasjes fan dichters?

Nee, yn Fryslân net. De fraach wêrom’t Fryslân in poeta laureatus ha moat is trouwens net beändere. De kandidaat foar de Dichter fan Fryslân (DfF)-beneaming moat wol motivearje wêrom’t er de taak útfiere wol, mar de provinsje dy’t it DfF-ynstitút yn it libben ropt motivearret net wêrom’t Fryslân ferlet hat fan in DfF. “De Dichter fan Fryslân moet poëzie dichter bij de mensen brengen,” seit Omrop Fryslân,‘Onenigheid over aanstelling Dichter fan Fryslân’, Omrop Fryslân, 27 july 2017 <http://www.omropfryslan.nl/nieuws/735778-onenigheid-over-aanstelling-dichter-fan-fryslan> [krigen 30 augustus 2017]. want what’s in a name: in dichter bringt “dichterbij” ;) Mar de provinsje hat dat “dichter bij de mensen” nearne formulearre.

Deputearre Poepjes seit dat “gewoane minsken útdage wurde moatte om te skriuwen” en “yn har memmetaal” en wit dúdlik werris neat fan it belied dat hja taret hat en no útfiere moat.‘Onenigheid over aanstelling Dichter fan Fryslân’, Omrop Fryslân, 27 july 2017 <http://www.omropfryslan.nl/nieuws/735778-onenigheid-over-aanstelling-dichter-fan-fryslan> [krigen 30 augustus 2017]. Yn it DfF-reglemint stiet nammentlik dat de gedichten dy’t produsearre wurde moatte as DfF yn de Fryske taal wêze moatte, net yn de memmetaal, teminsten net as dat gjin Frysk is, wat mei hieltyd gruttere faasje hieltyd faker it gefal is yn Fryslân. Yn it reglemint stiet net dat allinne ‘gewoane minsken’ meidwaan kinne. Mar dat “elkenien meidwaan” kin, sa’t de deputearre, noch net mei harsels akkordearre oer de doelgroep, derby seit,‘Onenigheid over aanstelling Dichter fan Fryslân’, Omrop Fryslân, 27 july 2017 <http://www.omropfryslan.nl/nieuws/735778-onenigheid-over-aanstelling-dichter-fan-fryslan> [krigen 30 augustus 2017]. is ek inkeld foar safier korrekt dat jo krekt meidwaan meie as jo ree binne om jo gedichten yn jo bygelyks Ljouwerterske memmetaal troch Google translate te heljen om harren te ferfryskjen.

Boppedat is ‘útdage wurde om te skriuwen’ gjin antwurd op de fraach. Want it seit net op hokker maatskiplike need, winsk of ferlet it DfF-belied de repons is. Soe der ommers in ferlet lizze fan útdaging om te skriuwen yn in taal dêr’t de deputearre it net mei harsels oer iens is? Der hawwe nea massa’s ‘gewoane minsken’ op de stoep fan it provinsjehûs stien om har need kenber te meitsjen. ’t Kin fansels wêze dat, lykas kij dy’t net witte dat se ferlet ha fan eartags, ‘gewoane minsken’ har net bewust binne fan it eigen ferlet oan skriuwútdaging, mar ûndersyk is dêrnei net dien—nei de útdaging net; wol, fansels, nei de ymminse foardielen fan eartags.

Dêrneist heart de provinsje, as betingst fan goed steatsmanskip, foar it ferbetterjen fan in stituaasje belied te kiezen dat doetreffend likegoed as doelmjittich is. Utdaagjen fan gedrach by oaren, oft dat no yn de publike of de private sfear is, is in kwestje fan dy persoanen motivearje. Jild ja, jou se jild en se skriuwe wol, hat sa te sjen it tinken west. Mar dat wurket allinne by de lju dy’t dochs al skriuwe en wol in stoer brûke kinne. Sa kaam der in alternatyf DfF-plan om mei 24 harsels selektearjende ‘erkende’ dichters de DfF-post te besetten en it DfF-jild ûnderinoar te ferpartsjen, nije dichters komme der twa jier lang net yn, dêrnei sjogge se wol wer.Om te ferlykjen, yn de Feriene Steaten wiist de Librarian of Congres de poet laureate oan (U.S. Code, Title 2, § 177 - Poet Laureate Consultant in Poetry). De Librarian kin him dêrby tips jaan litte troch allerhanne organisaasjes en persoanen. Hoe’t er dat docht is oan him en it is net bekend—már de measte winken binne jûn troch groepen en persoanen dy’t gjin formele bannen mei Library hawwe. Foar in pear jier hat dat oars west en waard in min of mear offisjele klup fan in stikmannich dichters en kritisy belutsen by de literêre saken fan de Library. Dat is net mear sa om’t it it breed advisearjen fan de Librarian net holp, ommers alle suggestjes moasten troch de trachter fan de offisjele klup. It stiet no elkenien iepen om de Librarian suggestjes te jaan, dus om de namme fan in oar te neamen en de kar foar dy persoan te motivearjen. Dat is net allinne ûneinich folle sympatiker—en etysk beskaafder—as de Fryske regeling dat jo jo eigen namme neame en jo kar foar josels motivearje moatte; it smyt ek in folle bredere short list op. In bredere foarseleksje makket dêrnei in breder ferskaat oan poet laureate-sjenres mooglik, dat sjocht men ek yn Amearika, wat it tinken oer wat poëzy is iepen en omfiemjend hâld.

Foar it ûnderstypjen fan motivaasje foar gedrachsferoaring, yn dit gefal fan de motivaasje fan minsken om te begjinnen mei skriuwen, is it nedich dat hja it nije gedrach net sjogge as eat dat har in soad muoite kostet, want dat ferminderet de kâns dat se it dwaan sille.Patrick C. Friman en Alan Polling, ‘Making life easier with effort: Basic findings and applied research on response effort’, Journal of Applied Behavioral Analysis, 28:4 (1995) 583-590. Fêst stiet dat net tefolle war hoege te dwaan foar it skriuwen fan kreative stikjes betsjut dat der in basis-skriuwlinigens wêze moat en dat dy skriuwbekwamens grutter wurdt troch strukturearre oefening—lês: ûnderwiis. Is der gjin strukturearre oefening mooglik, ferjit it mar: dan is sille de ‘gewoane minsken’ de útdaging te heech achtsje en hja sille net mear skriuwe as dat se earder diene. Sûnder nulmjitting komt dat lykwols net foar ’t ljocht; temin effektiviteit fan it provinsjaal DfF-belied sil net te bewizen wêze.

Wêrom hat yn ’e hiele diskusje oer de DfF gjinien dit sein? Of it him sels mar ôffrege? Abe de Vries is ekskusearre om’t er foar’t er himsels of de deputearre fragen stelle koe útnaaie moast foar korrupsje, flechtsje foar it omkeapjen fan de boarger dy’t yn ruil foar syn swijen oer in oerheidsprojekt in taart krije koe.

freegje net wat fryslân dwaan kin foar syn dichters

freegje wat de dichter dwaan kin, dwaan kin foar ús lân

want, sei hja, de wyn waait hjir út faaie hichtes

it giet net gebeuren! mei de taart al yn har hân

Noaten

  1. Earste trije rigels fan Juan Felipe Herrera, ‘Half-Mexican’, út Notes on the assemblage (San Francisco, CA: City Lights Publishers, 2015) 87.
  2. Rigels fan Tracy K. Smith, ‘Don’t you wonder, sometimes?’, út Life on Mars (Minneapolis, MN: Graywolf Press, 2011) 20.
  3. Ethan Coen, ‘President Trump, make me poet laureate!’, Huffington Post, 9 maart 2017 <http://www.huffingtonpost.com/entry/president-trump-make-me-poet-laureate_us_58c0899ae4b0d1078ca3c417> [krigen 30 augustus 2017].
  4. Ethan Coen, ‘Be fair’, Huffinton Post, 27 jannewaris 2017 <http://www.huffingtonpost.com/entry/be-fair_us_588639d3e4b096b4a23341a0> [krigen 30 augustus].
  5. Etan Coen, ‘Oh Where Did Your Balls Go, Paul Ryan?’, Huffington Post, 25 febrewaris 2017 <http://www.huffingtonpost.com/entry/oh-where-did-your-balls-go-paul-ryan_us_58b07e5be4b0a8a9b781eeb5> [krigen 30 augustus 2017].
  6. Horasius, ‘Ille et nefasto te posuit die...’, Oades, 2.13. Ille et nefasto / te posuit die, / quicumque / primum, et / sacrilega manu /   produxit, / arbos, in nepotum /     perniciem / opprobriumque / pagi.
  7. Paul McCartney, ‘Driving rain’, fan it album Driving Rain, 2001.
  8. Andrew Motion, ‘Yet once more, O ye laurels’, The Guardian, 21 maart 2009 <https://www.theguardian.com/books/2009/mar/21/andrew-motion-poet-laureate> [krigen 30 augustus 2017].
  9. Sjoch de prachtige stúdzje fan Jerome Sala, What if someone were Listening? Contemporary poetry and the problem of popularity, Dissertaasje New York University, 2007.
  10. Maya Angelou, ‘On the pulse of morning’, inaugural poem foar Bill Clinton, 1993.
  11. Clark Coolidge en Larry Fagin, On the pumice of morons (Great Barrington, MA: The Figures, 1993). Coolidge en Fagin brûke in fariaasje op ’e regel dy’t filosoof Jean Lescure betocht hat foar in sechtstiger jierrengroep keunstners en wittenskippers, dy’t miende dat it keunstmjittich oplizzen fan beheiningen en it bûten de kontrôle bringen fan guon aspekten fan it skeppen fan wurk ta nije, kreative oplossingen stimulearret. De ‘S+7’-prosedure dy’t Coolidge en Fagin makke hawwe bestiet der út dat foar elts saakwurd yn it gedicht it saakwurd yn it plak komt dat sân saakwurden fierder yn it wurdboek stiet. Dêrneist oerdriuwe hja de dochs al te swiere binnenrym yn Angelou har twadde rigel “And when...”
  12. Andy McSmith, ‘The Big Question: What’s the history of Poet Laureates, and does the job still mean anything?’, Independent, 30 april 2009 <http://www.independent.co.uk/news/uk/this-britain/the-big-question-whats-the-history-of-poet-laureates-and-does-the-job-still-mean-anything-1677076.html> [krigen 30 augustus 2017].
  13. Guy Dammann, ‘Wendy Cope: ‘I don’t want to be laureate’’, The Guardian, 2 juny 2008 <https://www.theguardian.com/books/2008/jun/02/hayfestival2008.guardianhayfestival> [krigen 30 augustus 2017].
  14. Andrew Motion, ‘Spring wedding’, by it houlik fan Prince Charles en Camilla Parker-Bowles, The Telegraph, 9 april 2005 <http://www.telegraph.co.uk/news/uknews/1487433/Spring-Wedding.html> [krigen 30 augustus 2017].
  15. ‘Onenigheid over aanstelling Dichter fan Fryslân’, Omrop Fryslân, 27 july 2017 <http://www.omropfryslan.nl/nieuws/735778-onenigheid-over-aanstelling-dichter-fan-fryslan> [krigen 30 augustus 2017].
  16. ‘Onenigheid over aanstelling Dichter fan Fryslân’, Omrop Fryslân, 27 july 2017 <http://www.omropfryslan.nl/nieuws/735778-onenigheid-over-aanstelling-dichter-fan-fryslan> [krigen 30 augustus 2017].
  17. ‘Onenigheid over aanstelling Dichter fan Fryslân’, Omrop Fryslân, 27 july 2017 <http://www.omropfryslan.nl/nieuws/735778-onenigheid-over-aanstelling-dichter-fan-fryslan> [krigen 30 augustus 2017].
  18. Om te ferlykjen, yn de Feriene Steaten wiist de Librarian of Congres de poet laureate oan (U.S. Code, Title 2, § 177 - Poet Laureate Consultant in Poetry). De Librarian kin him dêrby tips jaan litte troch allerhanne organisaasjes en persoanen. Hoe’t er dat docht is oan him en it is net bekend—már de measte winken binne jûn troch groepen en persoanen dy’t gjin formele bannen mei Library hawwe. Foar in pear jier hat dat oars west en waard in min of mear offisjele klup fan in stikmannich dichters en kritisy belutsen by de literêre saken fan de Library. Dat is net mear sa om’t it it breed advisearjen fan de Librarian net holp, ommers alle suggestjes moasten troch de trachter fan de offisjele klup. It stiet no elkenien iepen om de Librarian suggestjes te jaan, dus om de namme fan in oar te neamen en de kar foar dy persoan te motivearjen. Dat is net allinne ûneinich folle sympatiker—en etysk beskaafder—as de Fryske regeling dat jo jo eigen namme neame en jo kar foar josels motivearje moatte; it smyt ek in folle bredere short list op. In bredere foarseleksje makket dêrnei in breder ferskaat oan poet laureate-sjenres mooglik, dat sjocht men ek yn Amearika, wat it tinken oer wat poëzy is iepen en omfiemjend hâld.
  19. Patrick C. Friman en Alan Polling, ‘Making life easier with effort: Basic findings and applied research on response effort’, Journal of Applied Behavioral Analysis, 28:4 (1995) 583-590.

Foaropwurd

Fers2 nû. 3.12, 18 juny 2017

My Pier is bigger than yours

image Fers2

Selden in maityd meimakke mei sa’n ûngesjeneard sjen litten fan provinsjale stupiditeit. Foar wa’t de real life ynteraksjes mei wiere Friezen spitigernôch mist hat—en likegoed noch net útgniisd is—sette wy noch graach efkes de saken op in rige.

Op tongersdeitemoarn 8 juny waard bekend dat de artistyk direkteur fan efterinoar CH2018, KH2018 en LF2018, sa’t elkenien al tocht, Fryslân yndie sjoen hat as in ienhaps, by ûngelok oan ’e minder prestieuze kant fan de tafel optsjinne entremetsje. En no ferfettet er syn eksoatyske en kopieuze banket. Yn tsjinst 1 augustus 2015, út tsjinst 1 septimber 2017, hat er dochs mar moai yn twa jier alle net te fretten fersiering fan ’e pannen behimmele, stelde de LF2018-rie fan tafersjoch tefreden fêst.‘Lieven Bertels vertrekt bij Culturele Hoofdstad’, Omrop Fryslân, 8 juny 2017 <http://www.omropfryslan.nl/nieuws/724533-lieven-bertels-vertrekt-bij-culturele-hoofdstad> [krigen 8 juny 2017].

In knikje ûnferwachter wie it beslút fan de kulturele haadstêd­organisaasje dat de funksje fan artistyk direkteur net opnij folle wurdt, mar it ‘iepen plak’ dat de artistyk direkteur efterlit wol.‘Lieven Bertels: “Het minst slechte moment om te vertrekken”’, Omrop Fryslân, 8 juny 2017 <http://www.omropfryslan.nl/nieuws/724583-lieven-bertels-het-minst-slechte-moment-om-te-vertrekken> [krigen 8 juny 2017]. In artistyk direkteur—feitlik wie er cultural director—hat neat keunstsinnichs mar is ferantwurdlik foar de ynhâldlike line, wat sa te sjen folle minder wichtich is as jild en marketing want yn 2015 krige de cultural director mar ien wurkdei yn ’e wike en syn wurk wie no al klear.‘Lieven Bertels: “Het minst slechte moment om te vertrekken”’, Omrop Fryslân, 8 juny 2017 <http://www.omropfryslan.nl/nieuws/724583-lieven-bertels-het-minst-slechte-moment-om-te-vertrekken> [krigen 8 juny 2017]. Ek wie syn programma kwa kosten út de hân rûn. Him dêrop oansprekke doarde gjin minske, mar doe’t er ynienen sels sei dat er fuort woe (pff) giene sa’t jo sjoen ha de hûnderten kulturele haadstêdflaggen net massaal healstok. Mar der komt wol alle seis moannen in Cultural Capital-netwurk te sjen hoe’t Fryslân it dochtIn ynformeel netwurk as ferfolch op de Network of European Cultural Capital Cities and Months (ECCM). Sjoch ‘Culturele hoofdsteden op visite in Leeuwarden’, Friesch Dagblad, 15 juny 2017, 19. en dy lju wize dan nei it lege plak en nokkerje wat oer bûter, brea en griene tsiis en dat moatte jo net ha en der wie dochs al in salaris begrutte…

Ferfolch

Bliuw kalm

en nim de kulturele haadstêdfonteinen foar wat se binne

  • Makke fan ymportearre materiaal, net fan Frysk, dus Fryslân hat der neat oan
  • Untwurpen troch bûtenlânske ûntwerpburo’s, dus Fryslân hat der neat oan
  • Net moai; mar moai is mar smaak
  • Smaakleas; mar wetter kin wa wit it slimste ferbergje
  • Behalven fan oktober oant maaie, as fonteinen út stean
  • Krekt yn de sinne krijt it brûzjende wetter syn magysk wûnder
  • Dêrom binne fonteinen typysk dêr’t de sinne baarnt en krap wetter is
  • En binne yn wiete gebieten, neist rivieren en havens fonteinen mispleatst
  • Neat is miserabeler as fonteinen yn ’e rein
  • Stel jo de depressive potfisk ris foar
  • Of it reumatyske mantsje mei dripkjende hoarn
  • Mar se brekke fonteinen samar wer ôf
  • Want dy lokje sjipsop en grafiti oan
  • Plus fonteinûnderhâld is dochs al djoer
  • En se litte amper in ekologyske fuotprint efter
  • Oer fyftich jier ha wy alle fonteinen fergetten

Fers2 is der wer op 3 septimber!

dêr’t jo in boargemaster fan in lytse gemeente hiel bliid mei meitsje kinne. Op freedtemoarn 9 juny publisearre Finster op Fryslân, in kultuerreklameside fan ’e provinsje, in artikel oer it (noch net fêststelde) jierferslach 2016 fan de kulturele haadstêd­organisaasje. De kranten namen it berjocht oer, mei oeral deselde kop: dat de leankosten fan de top fan LF2018 flink omheech gien wiene.

Feitlik wie dat gjin nijs. Chief Executive Officers yn de saneamde creative industry of cultural industry krije oeral eksessive salarissen. Boppedat neamde it jierferslach 2015, dat al in jierlang te downloaden is fan de LF2018-webside of by de Keamer fan Keaphannel op te freegjen, deselde sifers—kreas ûnder de wetlike topsalarissenoarm—as dêr’t de media ús no mei ferbjusterje woene. Dat jierferslach 2015 sei dêrneist dat de cultural director krekt healwei 2015 kaam en mar foar 0,21 fte, mar dat er yn 2016 foltiids oan it programmameitsjen moast, wat betsjut dat er dan hast fiif kear safolle lean krije soe. Ek sei it jierferslach 2015 dat algemien direkteur Van Dijk ien fan ’e twa yn ’e direksje is foar wa’t se premys foar sosjale lêsten betellen, dat er siik wie, net ferfongen waard, dus gewoan op ’e leanlist stie. No moai. Foar it rjocht op trochbeteljen fan santich persint fan it lean ha wy allegearre fochten en fierder wie der neat om jo no noch ris oer op te winen.

Mar al foar it jirpelskilen wiene alle nijsberjochten oer de topsalarissen fan it ynternet ferdwûn. Finster op Fryslân, Omrop Fryslân en Leeuwarder Courant joegen ienriedich de melding dat de earder oanwêzige side net bestie en net fûn wurde koe. Dy ynternetsensuer makke oan ’e iene kant net in protte yndruk, alteast net op Fers2, om’t de nijssiden noch gewoan yn de web cache sieten (en no noch sitte) en troch elkenien lêze wurde koene (en noch kinne). Earne yn de keatling fan it fersyk om it berjocht werom te lûken oant it weiheljen fan de server siet sa te sjen in skeakel sûnder ferstân fan sykmasines. Of dy skeakel hat ûnwillich prottele ‘wy helje it al fan ’e websiden ôf’ en gjin war dien om de data ek fan it ynternet te heljen, hoewol’t dat maklik kin mei in webformulier fan Google.

Oan de oare kant: ynternetsensuer! Fryslân liket al hast sa op Sina, dat de Sinese toerist dy’t LF2018 oan it opgeilen is foar de Fryske sense of place likegoed thúsbliuwe kin.

Al gau stie der in post op Facebook fan in kulturele haadstêd­projektbestjoerder dat it skraste artikel korrizjearre wurde soe en dan wer pleatst. Dat like net oannimlik. Want de koade foar de sjoernalistyk seit dat as der in ûnwier berjocht is, de sjoernalist de skealike ûnkrektheid sa fluch mooglik ferbetterje sil.Nederlandse Vereniging voor Journalisten, ‘Code voor de Journalistiek’, NVJ, g.d., punt 22 <https://www.nvj.nl/ethiek/ethiek/code-journalistiek> [krigen 14 juny 2017]. Mar ynstee fan de flugge rektifikaasje dy’t de Koade foarskriuwt kaam der in ferdwinen fan it hiele berjocht—“bestiet net”, “net fûn”—wat stridich is mei de sjoernalistike frijheid fan ekspresje om’t de memoarje fan de parse in ûnderdiel is fan sjoernalistike kwaliteit. Boppedat strutsen de salarissifers mei dy fan it jier derfoar. Netsjinsteande dat befêstige ien fan de sjoernalisten fan it leankostenartikel de Facebookpost: it berjocht soe ferbettere wurde en opnij publisearre. Allinne heakke hy deroan ta dat hy en syn meiskriuwers eat net opskreaun hiene dat der just tige ta die mar dat net yn it jierferslach stie. Op ús fraach oft se tochten dat it jierferslach sels no earst fluch ‘ferbettere’ waard, krigen wy gjin antwurd, wy witte it net, mar wierskynlyk ha wy jo al in Aha-Erlebnis jûn dêr’t jo de hiele simmer mei foarút kinne.

Want bliken docht dat der net tefolle of ûnkrekt, mar te min bleatlein waard oer de LF2018-bestjoerders. It neamen fan immen syn namme en gegevens falt wol ûnder de privacywet, dy’t dêr de frijheid fan ekspresje rekket, mar Nederlân hat ek in bestjoers­koade kultuer. Under it kopke Hokker ôfspraken meitsje wy oer beleanjen stiet: De rie fan tafersjoch stelt rjochtsposysje en beleaning fan it bestjoer sekuer fêst en is dêroer sa iepen mooglik.Cultuur+Ondernemen, Governance code cultuur: De 9 principes, 2e pr. (Amsterdam 2016) 34 (principe 4). <https://www.governancecodecultuur.nl/site/getfile.php?id=80> [krigen 14 juny 2017]. Rjochtsposysje omfettet wat der bart as in direkteur tuskentiid dien krijt of ynienen opstapt, en wat de ûnbelêste fêste fergoeding is fan reis-, tillefoan- en oare beropskosten fan elke bestjoerder apart. Net allinne witte wy dat net, mar wy witte sels net wat it Keamer fan Keaphannelnûmer is—wy witte sels net iens de namme fan ’e kulturele haadstêdstichting. Want dat stiet net op ’e LF2018-webside. In hifking fan de tapassing fan de bestjoers­koade kultuer liet sjen dat de measte kulturele rieden fan tafersjoch net botte transparant en konsjinsjeus binne: “Een belangrijk verbeterpunt waar de enquête op wijst: de (zelf)evaluatie.”Jo Houben, ‘Voorwoord’, yn: Cultuur+Ondernemen, Resultaten enquête Governance Code Cultuur 2014 (Amsterdam 2015) 5. Mar wat LF2018 oangiet kinne wy dêroan taheakje dat it folslein net serieus nimmen fan transparantens oertsjûgjend sjen lit dat “bottom-up” en “mienskip” inkeld holle frasen binne.

Jo moatte al it leauwe yn lot, tafal en boppe-ierdse beskikking hawwe fan in ûngenêslike gokferslaafde om fetber te wêzen foar it idee dat it bye-bye-bertels-, it leankoste- en it fonteinartikel inoar tafallich opfolgen. Op 10 juny snijde it berjocht ûnder dat it hielendal noch net wis wie dat de boargemaster fan Smellingerlân it plak fan de fertrokken cultural director ynnimme soe; net LF2018 beslút oer it ûntslach fan boargemasters mar de kroan én sûnt de ien jier âlde Handreiking burgemeesters is it wiis om earst jins fuortrinnen nei in lukrativere put mei de gemeenterie te bepraten.Ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes, Handreiking burgemeesters: Benoeming, herbenoeming, klankbordgesprekken en afscheid, ferzje maaie 2016, 96-97 <https://www.rijksoverheid.nl/binaries/rijksoverheid/documenten/brochures/2016/05/01/handreiking-burgemeesters-benoeming-herbenoeming-klankbordgesprekken-en-afscheid/handreiking-burgemeesters-ministerie-bzk-05.2016.pdf> [krigen 14 maaie 2017]. Wat it omtinken fan it ferjitten fan de folksfertsjintwurdiger weifong wie ‘nijs’ oer de boargerlike wjeraksel tsjin ’e kulturele haadstêd­fonteinen.

Fonteinen binne moai,‘Leden 11 Fonteinen-commissies in woonplaats lastiggevallen’, Leeuwarder Courant, 10 juny 2017 <http://www.lc.nl/friesland/Leden-11-Fonteinen-commissies-in-woonplaats-lastiggevallen-22276903.html> [krigen 10 juny 2017]. dat it ferset dertsjin kaam de fontein­kommisjes kompleet oer ’t mad. It foarmjen fan frijwillige—net ynsteld mei in transparante win- en seleksjeproseduere—advys­organen en ‘expert commitees’ is altyd arrogant en ûnferstannich, mar in Warkumer fontein­kommisjelid leit de boarger noch djipper leech as Clinton: “Dan zeiden ze: dat is toch geen kunst? Ik moest te pas en te onpas in de verdediging, tegen argumenten waar je toch niet tegen kon redeneren.’’‘Weerstand verraste Fonteincommissies’, Leeuwarder Courant, 10 juny 2017, <http://www.lc.nl/cultuur/Weerstand-verraste-Fonteincommissies-22275944.html> [krigen 10 juny 2017]. In antyfontein Facebookaksje smiet 700 hantekeningen op en dat liet mar ien útwei, nammentlik de boarger te negearjen sa’t jo sangerjende bern net hearre: “Ik heb die facebookpagina maar niet meer bekeken.’’‘Weerstand verraste Fonteincommissies’, Leeuwarder Courant, 10 juny 2017, <http://www.lc.nl/cultuur/Weerstand-verraste-Fonteincommissies-22275944.html> [krigen 10 juny 2017].

Doe gie de doar nei de neoliberalistyske ferachting fan de boarger echt iepen. Provinsjale Steaten hie oangeande de kulturele haadstêd de soevereiniteit fan de multinationals al befêstige troch fabrikanten fan iepenbiere romte-objekten en in strjitteater company dat yn allerhanne stêden op ’e wrâld in unifoarm produkt oanbiedt “gezichtsbepalend” te neamen, ynstee fan sa’t it bidbook die, och heden it bidbook, dat de ‘mienskip’ noch as boechbyld brocht.Provinsjale Steaten fan Fryslân, Utstel LF2018, 21 juny 2017, 9 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=16&fileid=17551&f=c038241472699c4113d8bb11cd1b85ef&attachment=1&c=6217> [krigen 15 juny 2017]. Om it gesicht fan de provinsje te rêden besletten Provinsjale Steaten ta en giene akkoart mei in begruttingsferoaring fan 7,5 miljoen euro foar de kulturele haadstêd. Dat it rêden fan gesicht fan de provinsje prioriteit krije soe boppe rasjoneel bestjoer wie al dúdlik. Mar dat der foar it opglânzgjen fan de Fryske brand reputation ideeën komme soene, sa ynfantyl en sa ûntinkber fier fan de minsklike werklikheid, is sa singelier dat it Cultural Capital-netwurk—neffens in foto dy’t op Finster op Fryslân stiet, mar wês der fluch by—der stil fan is. Sa moatte tûzen minsken mei in útkearing út de partisipaasjewet frijwilligers wurde foar LF2018.‘Frij-stiper biedt 1000 Friezen meer kans op maatschappelijk meedoen’, Provinsje Fryslân, g.d. <http://www.fryslan.frl/document.php?m=4&fileid=7378&f=bf0629d771627a0b59983713573ff4ac&attachment=1&c=3613> [krigen 15 juny 2017]. Moai betocht! Mar de saneamde tsjinprestaasje fan útkearings­berjochtigen is gjin frijwilligerswurk, fan de sosjale tsjinst en UWV moat de tsjinprestaasje op maat wêze en mei it betelle wurk beslist net ferkringe en boppedat moat de tsjinprestaasje de persoan helpe en net de wurkjouwer dy’t ûnbetelle arbeiders ynsette wol.‘Regels rond vrijwilligerswerk als tegenprestatie’, Movisie, 22 july 2014 <https://www.movisie.nl/artikel/regels-rond-vrijwilligerswerk-tegenprestatie> [krigen 16 july 2017]; sjoch ek ‘Burgum: Werklozen inzetten voor LF2018 sigmatiserend’, Friesch Dagblad, 16 juny 2017, 19.

Noch aardiger is it ideetsje fan de kulturele haadstêddirekteur legacy. Op 15 juny stelde er út om “in 2018 gedurende twee weken alle vervoer in de provincie te regelen zonder gebruik te maken van olie en gas.”Oeds Westerhof, ‘De opbrengst van Leeuwarden-Fryslân 2018’, Friesch Dagblad, 15 juny 207, 23. Stel jo foar, oanfier fan en nei RoyalFriesland­Campina op klompen! Befoarrieding fan supermerken mei de kroade, pûdsjes bloed nei de sikehuzen mei postdo, alle plysjes op ’e fyts. En wat it moaiste is: gjin strieljagers op fleanbasis Ljouwert mar loftbalonnen op patatfet! Definsje sil sûnder mis akkoart gean, ek al sille se der faaks op wize dat Nederlân net lykas Nepal 99,49 persint,Yn 2012. ‘List of countries by energy production from renewable sources’, Wikipedia, lêste wiziging 15 juny 2017 <https://en.wikipedia.org/wiki/List_of_countries_by_electricity_production_from_renewable_sources> [krigen 15 juny 2017]. mar inkeld seis persint enerzjy út duorsume boarnen hellet,Centraal Bureau voor de Statistiek, ‘Verbruik hernieuwbare energie toegenomen naar 5,8%’, CBS, 26 maaie 2016 <https://www.cbs.nl/nl-nl/nieuws/2016/21/verbruik-hernieuwbare-energie-toegenomen-naar-5-8-> [krigen 15 maaie 2017]; Energie Onderzoek Centrum, Nationale Energieverkenning 2016, 14 oktober 2016, 12, pdf-bestân beskikber op <https://www.ecn.nl/nl/energieverkenning/>. Krekt yn 2020 bliuwt it part duorsume enerzjy om ’e 12,5 persint hinne stykjen. wat betsjut dat ek elektryske auto’s foar it meastepart op fossile brânstoffen ride en net op duorsume enerzjy.

Op 16 juny kaam der wer wat. Nijsmedia brochten earder eksperts har goed ûnderboude oardiel oer eat dat hja bestudearre hiene. Dy standert is loslitten. No freegje se lju mei in beskate autoriteit nei in miening oer populêre issues lykas it homohoulik, wat harren minsklik meitsje soe en/want yn ’e regel útrint op pûsters en klisjees. “As in taal ... hieltyd minder brûkt wurdt, dan kin dy stadich wol ferdwine.” Duh. “Hoe bot de oerheid har bêst ek docht om it Frysk te befoarderjen, der moat wol in wil [fan de befolking] wêze. ... You can lead a horse to water, but you can’t make it drink.” In hynderke drinkt wetter as it gjin memmemolke mear krijt; mar it is gjin goed idee fôle en merje te skieden want dat jout tige stressfolle situaasjes. “Sûnder skiednis gjin takomst.” Misoersetting fan memoria futuri, dat in op it hjoed fundearre konstruktive fisy op moarn is en just net in yn it juster betizenien. Utsein boere-empiry en bibeleksegese lit de heechlearaar âld-Frysk ek de deistige logika farre: “[I]t wol my net oan dat de taal samar ferdwynt. Piter Breuker hat oait in stik skreaun oer alle ûnder­gongs­foarsizzings foar it Frysk. Dêryn komt nei foaren dat al sûnt de sechstjinde iuw sein wurdt dat it Frysk gjin takomst hat.’’Sietse de Vries, ‘Met een symposium in het Leidse Academiegebouw neemt Rolf Bremmer vrijdag afscheid als hoogleraar Fries in Leiden’, Leeuwarder Courant, 16 juny 2017 <http://www.lc.nl/friesland/Scheidend-hoogleraar-%E2%80%98It-Frysk-ferdwynt-net-samar%E2%80%99-22291422.html> [krigen 16 juny 2017]. De wrâld feroaret! Dat eat, bygelyks fleanende minsken, yn it ferline as ûnmooglik beoardiele waard, seit dêrtroch neat oer de mooglikheid yn de takomst (de cultural director die net oars as fleane; dat wie it manko just).

It aardichste fan dizze tinkflater fan argumentum ad ignorantiam, jin beroppe op net witten, is syn ûnferhoalen doel fan ferskowen fan de bewiislêst. Jo kreëarje in skyntsjinstelling tusken wier en ûnwier troch te suggerearjen dat as immen net bewiisd hat dat jo ûngelyk hawwe—P. Breuker hat gjin ûndersyk dien nei sechstjinde-ieuske foarsizzingen dat it Frysk krekt sneuvelje soe ûnder it ienentweintichste-ieuske provinsjale raamkoersbelied fan ûntheffingen foar Frysk op skoalle—dat jo dan de wierheid sprekke. Ynstee fan de eigen útspraak te bewizen moatte de oaren mar bewize dat it net sa is. De oaren moatte mar sjen litte dat kear op kear op kear de boarger de skuld krijt fan dingen dêr’t er hielendal gjin kontrôle oer hat, lykas de agressive assimilaasjepolityk yn Nederlân dy’t twingt ta it oannimmen fan taalwearden, taalgedrach en taaltinken dêr’t de boarger net iens by stilstean kin en mei. De boarger mei fan belied dêr’t er hielendal net foar keazen hat de ûnfoarsjenne rotsoai oprêde, sels letterlik, as ‘frijwillige’ jiskeman by LF2018. De boarger moat mar fjirtjin dagen lang net mei it hendikeptebuske nei klup ta, om’t dieselbuskes sa ûn-gezichtsbepalend binne yn 2018.

De oaren meie it bewize. Wy ha ús stikken gniisd.

Noaten

  1. ‘Lieven Bertels vertrekt bij Culturele Hoofdstad’, Omrop Fryslân, 8 juny 2017 <http://www.omropfryslan.nl/nieuws/724533-lieven-bertels-vertrekt-bij-culturele-hoofdstad> [krigen 8 juny 2017].
  2. ‘Lieven Bertels: “Het minst slechte moment om te vertrekken”’, Omrop Fryslân, 8 juny 2017 <http://www.omropfryslan.nl/nieuws/724583-lieven-bertels-het-minst-slechte-moment-om-te-vertrekken> [krigen 8 juny 2017].
  3. ‘Lieven Bertels: “Het minst slechte moment om te vertrekken”’, Omrop Fryslân, 8 juny 2017 <http://www.omropfryslan.nl/nieuws/724583-lieven-bertels-het-minst-slechte-moment-om-te-vertrekken> [krigen 8 juny 2017].
  4. In ynformeel netwurk as ferfolch op de Network of European Cultural Capital Cities and Months (ECCM). Sjoch ‘Culturele hoofdsteden op visite in Leeuwarden’, Friesch Dagblad, 15 juny 2017, 19.
  5. Nederlandse Vereniging voor Journalisten, ‘Code voor de Journalistiek’, NVJ, g.d., punt 22 <https://www.nvj.nl/ethiek/ethiek/code-journalistiek> [krigen 14 juny 2017].
  6. Cultuur+Ondernemen, Governance code cultuur: De 9 principes, 2e pr. (Amsterdam 2016) 34 (principe 4). <https://www.governancecodecultuur.nl/site/getfile.php?id=80> [krigen 14 juny 2017].
  7. Jo Houben, ‘Voorwoord’, yn: Cultuur+Ondernemen, Resultaten enquête Governance Code Cultuur 2014 (Amsterdam 2015) 5.
  8. Ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes, Handreiking burgemeesters: Benoeming, herbenoeming, klankbordgesprekken en afscheid, ferzje maaie 2016, 96-97 <https://www.rijksoverheid.nl/binaries/rijksoverheid/documenten/brochures/2016/05/01/handreiking-burgemeesters-benoeming-herbenoeming-klankbordgesprekken-en-afscheid/handreiking-burgemeesters-ministerie-bzk-05.2016.pdf> [krigen 14 maaie 2017].
  9. ‘Leden 11 Fonteinen-commissies in woonplaats lastiggevallen’, Leeuwarder Courant, 10 juny 2017 <http://www.lc.nl/friesland/Leden-11-Fonteinen-commissies-in-woonplaats-lastiggevallen-22276903.html> [krigen 10 juny 2017].
  10. ‘Weerstand verraste Fonteincommissies’, Leeuwarder Courant, 10 juny 2017, <http://www.lc.nl/cultuur/Weerstand-verraste-Fonteincommissies-22275944.html> [krigen 10 juny 2017].
  11. ‘Weerstand verraste Fonteincommissies’, Leeuwarder Courant, 10 juny 2017, <http://www.lc.nl/cultuur/Weerstand-verraste-Fonteincommissies-22275944.html> [krigen 10 juny 2017].
  12. Provinsjale Steaten fan Fryslân, Utstel LF2018, 21 juny 2017, 9 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=16&fileid=17551&f=c038241472699c4113d8bb11cd1b85ef&attachment=1&c=6217> [krigen 15 juny 2017]. Om it gesicht fan de provinsje te rêden besletten Provinsjale Steaten ta en giene akkoart mei in begruttingsferoaring fan 7,5 miljoen euro foar de kulturele haadstêd.
  13. ‘Frij-stiper biedt 1000 Friezen meer kans op maatschappelijk meedoen’, Provinsje Fryslân, g.d. <http://www.fryslan.frl/document.php?m=4&fileid=7378&f=bf0629d771627a0b59983713573ff4ac&attachment=1&c=3613> [krigen 15 juny 2017].
  14. ‘Regels rond vrijwilligerswerk als tegenprestatie’, Movisie, 22 july 2014 <https://www.movisie.nl/artikel/regels-rond-vrijwilligerswerk-tegenprestatie> [krigen 16 july 2017]; sjoch ek ‘Burgum: Werklozen inzetten voor LF2018 sigmatiserend’, Friesch Dagblad, 16 juny 2017, 19.
  15. Oeds Westerhof, ‘De opbrengst van Leeuwarden-Fryslân 2018’, Friesch Dagblad, 15 juny 207, 23.
  16. Yn 2012. ‘List of countries by energy production from renewable sources’, Wikipedia, lêste wiziging 15 juny 2017 <https://en.wikipedia.org/wiki/List_of_countries_by_electricity_production_from_renewable_sources> [krigen 15 juny 2017].
  17. Centraal Bureau voor de Statistiek, ‘Verbruik hernieuwbare energie toegenomen naar 5,8%’, CBS, 26 maaie 2016 <https://www.cbs.nl/nl-nl/nieuws/2016/21/verbruik-hernieuwbare-energie-toegenomen-naar-5-8-> [krigen 15 maaie 2017]; Energie Onderzoek Centrum, Nationale Energieverkenning 2016, 14 oktober 2016, 12, pdf-bestân beskikber op <https://www.ecn.nl/nl/energieverkenning/>. Krekt yn 2020 bliuwt it part duorsume enerzjy om ’e 12,5 persint hinne stykjen.
  18. Sietse de Vries, ‘Met een symposium in het Leidse Academiegebouw neemt Rolf Bremmer vrijdag afscheid als hoogleraar Fries in Leiden’, Leeuwarder Courant, 16 juny 2017 <http://www.lc.nl/friesland/Scheidend-hoogleraar-%E2%80%98It-Frysk-ferdwynt-net-samar%E2%80%99-22291422.html> [krigen 16 juny 2017].

Foaropwurd

Fers2 nû. 3.11, 4 juny 2017

Ik bin Pier

It Frysk Ayn Randisme fan Pieter Winsemius

image Fers2
Tom of Finland, sûnder titel (tarieding foar tekening #78.18), 1978

Ik bin Pier

Pier bin ik wierSjoch ûnder mear: Abraham Jacob van der Aa, Aardrijkskundig woordenboek der Nederlanden, tiende deel (Gorinchem 1847) 514-515 <https://books.google.nl/books?id=83EIAAAAIAAJ> [krigen 27 maaie 2017]; Bruce Ware Allen, ‘Pier Gerlofs Donia, c.1480-1520: Dutch courage’, A History Blog, 14 febrewaris 2013 <http://ahistoryblog.com/2013/02/14/pier-gerlofs-donia-c-1480-1520-dutch-courage/> [krigen 27 maaie 2017]; Hans L. Janssen, Tarquinius J. Hoekstra en Ben Olde Meierink, ‘Fortification of castles in the Northern Netherlands during the Gelre-Habsburg conflict (1492-1543)’, yn: Château Gaillard XIX: Etudes de castellologie médiévale (Caen 2000) 123-148, 128-130; Thomas S.B. Johnston, ‘Old Frisian law and the Frisian Freedom ideology’, yn: Rolf Hendrik Bremmer, Thomas S.B. Johnston en Oebele Vries (red.), Amsterdamer Beiträge zur älteren Germanistik, Bd. 49 (Amsterdam / Atlanta 1998), 179-214; Ben Thompson, ‘Pier Gerlofs Donia’, Badass of the Week, g.d. <http://www.badassoftheweek.com/bigpier.html> [krigen 27 maaie 2017]; Oebele Vries, ‘Friesland’, yn: John M. Jeep (red.), Medieval Germany: An encyclopedia (New York 2001) 252-256, 254-255; Oebele Vries, ‘Frisonica libertas: Frisian freedom as an instance of medieval liberty’, Journal of Medieval History 41:2 (2015) 229-248, beskikber op <http://www.tandfonline.com/doi/full/10.1080/03044181.2015.1034162> [krigen 27 maaie 2017]; Pierius Winsemius, Chronique ofte historische geschiedenisse van Vrieslant, beginnende van den jaere nae des werelts scheppinghe 3635 ende loopende tot den jaere nae de gheboorte Christi 1622 (Franeker 1622) 436-455.

Pier is sterk

Sterk is Pier

Dat is wier

Eigen krêft

Himsels rêdt

De Pier dy’t ik bin

Mar de Pier

Dy’t ik bin

Is my net

Nei it sin:

De Pier dy’t ik bin

Stoar stil op bêd

Mei in min sin

Gesachhawwers ba

Wol Pier hjir net ha

Ut Hollân gjin

Gjinien mei in swurd

En seker gjin Saks

Fan Joaris mei ’t Burd

Dus freontsys mei Gelre

Dy’t hierlingen socht

Pier lije mocht

& Fleurich betelle

Mar nei fiif jier

Sterk, eigen krêft

Rôf, moard en brân

Krijt Pier

Laurier?

O, P. Winsemius, Muze fan Frijheid, fernij ús it wier en

Treastleas relaas fan de held fan ’e naasje syn kosmyske dieden:

Piraterij fan in Hollânske float (styl Somalysk), oan skea

Hast tritich skipwrakken, fjouwer kear hûndert see-Saksen kroandea.

Medemblik blette, syn froulju besmotsk’ er, friet fijân syn húsfee,

Slachte bern, baarnde plat, snie by’t soad kielen, bedoar hiel de Súdsee,

God oan syn kant, mei bernleaze Gelres kontanten, op drift stjoerd,

Drinzge it lân dêr’t fan libben ûnstjerlik syn hierlingen, yn bloed,

Sin’skyn fan Habsburgerhaters, har zweihänderheld, want kleurblyn:

Hakte foar’t selde op Hollanner-, frou-, bern- of Saksharsens hurd yn.

Sa is bedarre yn skoalbibel/kanon syn Fryskfrije bloedtoarst

Ja sels bewarre syn grienetsiisgjalp foar beweging en folkloar.

Boeksteld net just as brút dy’t de beulshân ferstjinne, mar oersterk,

Krêftich, net bûn, ferantwurdlik foar’t eigen, solide en poer sterk.Conrad Busken Huet, Het land van Rembrand: Studiën over de Noordnederlandsche beschaving in de zeventiende eeuw, Eerste deel (Haarlem 1882) 300-302, beskikber op <http://www.dbnl.org/tekst/busk001land02_01/busk001land02_01.pdf>.

Doe’t se lykwols harren mienskipke ‘Arumer Swarte Skiep’ skoepen,

Lang noch foar emansipaasje, en frijheids- en minskrjochtegroepen,

Ien ieu formeel hie de Fryske quot frijheid mar duorre, en skrast troch

Friezen sysels, dy’t de macht let’ en setten, mei Skieringer flach, trom,

Santjin jier earder: en argeleas sliepte Pier ploechswaaier doe djip.

Plus, wylst it haadbestjoer ôfseach fan oarders fan pleatslike oerhear

Pier neamde ’msels wol baron, graaf fan Hylpen: in feodaal hearskip

Bûn oan in Gelre dy’t frijheid noch Frysk woe—mar lân, macht en ear, mear.

No komt de rede

De rede komt hjir

Fan P. Winsemius

Muze en sjenner‘Oud-minister Winsemius houdt Rede van Fryslân’, Leeuwarder Courant, 24 mei 2017 <http://www.lc.nl/friesland/Oud-minister-Winsemius-houdt-Rede-van-Frysl%C3%A2n-22238277.html> [krigen 24 maaie 2017]; Ewout Klei, ‘Verdwalen in de Friese geschiedenis: Pieter Winsemius - Het koningsvaandel’, The Post Online, 24 juny 2014 <http://cult.tpo.nl/2014/06/24/recensie-pieter-winsemius-het-koningsvaandel/> [krigen 27 maaie 2017].

Hjir komt er dus‘Volledige Rede van Fryslân’, Leeuwarder Courant, 24 maaie 2017 <http://www.lc.nl/friesland/Volledige-Rede-van-Frysl%C3%A2n-22238149.html> [25 maaie 2017]; Pieter Winsemius, ‘Een nieuwe Friese onafhankelijkheid’, Friesch Dagblad, 26 maaie 2017, 21.

Sintraal gesach moat

Want needsaak is dat

Mar dat is him

Net nei it sin

Gjin sin oan bestjoer

Dat beheint en is djoer

Dus wy binne Pier

Pier dat is wier

Fan frijheid ferlet

In driuwend ferlet

Dy frijheid moat Frysk

Dy frijheid moat nij

Dy frijheid dy moat

Sjong, P. Winsemius, sjong fan ’e oarsaak fan deilis, fan ûnrêst,

Fan ’e konflikten dy’t skodzje it hjoeddeisk maatskiplike grûnfêst,

Steurinkjes—net in ynfaazje út Hollân—dy’t glûpsk mei’noar as ien

stoarte ús warleaze minskmaatskippij yn it ravyn.

Muze Winsemius, sjong hoe’t it rjochtslib’rtarisme ús heil bringt

O, Atlas Shrugged lang ferlitten om’t it net wurket?—dy’t neitinkt,

Hin P. Winsemius, dreunt it ferdomde ferhaal der gewoan yn:

Sosjaal belied moat de boarger foar soargje en wee wa’t him fuort wynt!

Underwiis, soarch, miljeu, feiligens: typysk priveesektor, gjin steat

Nedich want boargers ha krêft, binne sterk, ûnôfhinklik, mar kin neat

Mits fluch ferlost fan bestjoer—as in mem dy’t har bern út it nêst wrot,

Selsdwaan; want partikulier in’sjatyf nimt bestjoerlike lêst fuort:

Plysje ferruild (amtners loai en korrupt), figilanten mei (foar neat)

Tûzenen eigenrjocht eagen—wat privacywet? ’t ferfal moat keard!

Soarch troch frijwilligers: osa goedkeap, klanttefredenens poerbêst;

Kleie oer buorman oan’t bêd is in opsje foar krekt ast dy goed rêdst.

Faklju bestean om ’e gatten te foljen, mar bern lesjaan kin troch

Boargers, as help yn ’e klas—o? nei wurk? yn it wykein miskien doch?

Safier it âlde geëamel oer wolfeartsteat, rjochtsliberaal-plus,

Mar eigen krêft, ûnôfhinklik en sterk—hjir komt Pier yn’t ferhaal dus!

Nij Fryske frijheid! Lit boargers it opknappe want sjoch úze skiednis:

Eigen krêft makket swakken ferliezers, en winners sa’s Pier is.

Dat wie him dus

De rede fan Fryslân

Fan P. Winsemius

It Rêd Dyselsfisioen

Mar wat is in boarger

In boarger is wat?

Ea de echte wrâld sjoen

En hoe wie dat?Pieter Winsemius basearret him op pre-krityske, fantastyske historiografy fan Pierius Winsemius, 1622, sjoch Pieter Winsemius, Het koningsvaandel: Reis door het verleden van Friesland (Amsterdam 2014). Ek Ayn Rand bestudearre net de empiryske sosjology; beiden binne didaktyske fiksjeskriuwers dy’t observaasje fan de realiteit net betrouwe as fûnemint fan har learstellingen. In definysje fan de boarger, yn relaasje ta de steat, mist folslein by Winsemius. Dêrtroch krijt de boarger yn Winsemius syn ferbylding deselde mytyske proporsje as de egoïstyske yndividu by Rand.

Winsemius?

Dy rêd dyselsrede dus

Deadwanerstaal

Fiel goedferhaal

Foar it Frysk

Provinsjaal

Noaten

  1. Sjoch ûnder mear: Abraham Jacob van der Aa, Aardrijkskundig woordenboek der Nederlanden, tiende deel (Gorinchem 1847) 514-515 <https://books.google.nl/books?id=83EIAAAAIAAJ> [krigen 27 maaie 2017]; Bruce Ware Allen, ‘Pier Gerlofs Donia, c.1480-1520: Dutch courage’, A History Blog, 14 febrewaris 2013 <http://ahistoryblog.com/2013/02/14/pier-gerlofs-donia-c-1480-1520-dutch-courage/> [krigen 27 maaie 2017]; Hans L. Janssen, Tarquinius J. Hoekstra en Ben Olde Meierink, ‘Fortification of castles in the Northern Netherlands during the Gelre-Habsburg conflict (1492-1543)’, yn: Château Gaillard XIX: Etudes de castellologie médiévale (Caen 2000) 123-148, 128-130; Thomas S.B. Johnston, ‘Old Frisian law and the Frisian Freedom ideology’, yn: Rolf Hendrik Bremmer, Thomas S.B. Johnston en Oebele Vries (red.), Amsterdamer Beiträge zur älteren Germanistik, Bd. 49 (Amsterdam / Atlanta 1998), 179-214; Ben Thompson, ‘Pier Gerlofs Donia’, Badass of the Week, g.d. <http://www.badassoftheweek.com/bigpier.html> [krigen 27 maaie 2017]; Oebele Vries, ‘Friesland’, yn: John M. Jeep (red.), Medieval Germany: An encyclopedia (New York 2001) 252-256, 254-255; Oebele Vries, ‘Frisonica libertas: Frisian freedom as an instance of medieval liberty’, Journal of Medieval History 41:2 (2015) 229-248, beskikber op <http://www.tandfonline.com/doi/full/10.1080/03044181.2015.1034162> [krigen 27 maaie 2017]; Pierius Winsemius, Chronique ofte historische geschiedenisse van Vrieslant, beginnende van den jaere nae des werelts scheppinghe 3635 ende loopende tot den jaere nae de gheboorte Christi 1622 (Franeker 1622) 436-455.
  2. Conrad Busken Huet, Het land van Rembrand: Studiën over de Noordnederlandsche beschaving in de zeventiende eeuw, Eerste deel (Haarlem 1882) 300-302, beskikber op <http://www.dbnl.org/tekst/busk001land02_01/busk001land02_01.pdf>.
  3. ‘Oud-minister Winsemius houdt Rede van Fryslân’, Leeuwarder Courant, 24 mei 2017 <http://www.lc.nl/friesland/Oud-minister-Winsemius-houdt-Rede-van-Frysl%C3%A2n-22238277.html> [krigen 24 maaie 2017]; Ewout Klei, ‘Verdwalen in de Friese geschiedenis: Pieter Winsemius - Het koningsvaandel’, The Post Online, 24 juny 2014 <http://cult.tpo.nl/2014/06/24/recensie-pieter-winsemius-het-koningsvaandel/> [krigen 27 maaie 2017].
  4. ‘Volledige Rede van Fryslân’, Leeuwarder Courant, 24 maaie 2017 <http://www.lc.nl/friesland/Volledige-Rede-van-Frysl%C3%A2n-22238149.html> [25 maaie 2017]; Pieter Winsemius, ‘Een nieuwe Friese onafhankelijkheid’, Friesch Dagblad, 26 maaie 2017, 21.
  5. Pieter Winsemius basearret him op pre-krityske, fantastyske historiografy fan Pierius Winsemius, 1622, sjoch Pieter Winsemius, Het koningsvaandel: Reis door het verleden van Friesland (Amsterdam 2014). Ek Ayn Rand bestudearre net de empiryske sosjology; beiden binne didaktyske fiksjeskriuwers dy’t observaasje fan de realiteit net betrouwe as fûnemint fan har learstellingen. In definysje fan de boarger, yn relaasje ta de steat, mist folslein by Winsemius. Dêrtroch krijt de boarger yn Winsemius syn ferbylding deselde mytyske proporsje as de egoïstyske yndividu by Rand.

Foaropwurd

Fers2 nû. 3.10, 21 maaie 2017

Glimmer

image Fers2

De Ried fan de Fryske Beweging wol froulju en jongerein yn beweging sette. Is dat nijs? Is dat meignoarjen mei de massa nei’t Clinton ferlear, dat der mear froulju yn ’e polityk moatte? No nee, want de Ried fan de Fryske beweging wol taal en kultuer, mar gjin polityk. Is de fraach om froulju net groanysk by de Ried fan de Fryske Beweging? Binnen boargeraksjegroep Sis Tsiis seit de ôffurdige fan ’e Ried fan de Fryske Beweging by alle omfragen wer: hja binne fan betinken dat der mear (jonge) froulju by de saak belutsen wurde moatte. Yn 2009 socht de Ried fan de Fryske Beweging

twa bestjoerleden (f/m)

In bestjoerslid is thús op ien of mear terreinen dêr’t de RfdFB him mei dwaande hâldt. … Benammen froulju binne wolkom.”‘Twa nije bestjoersleden Fryske Beweging’, It Nijs, 25 septimber 2009 <https://www.itnijs.frl/2009/09/twa-nije-bestjoersleden/> [krigen 13 maaie 2017].

Wêrom froulju sizze se net. Wol fertsjinje froulju minder.Centraal Bureau voor de Statistiek, ‘Loonkloof vrouwen en mannen, feit of fictie?’, CBS, 17 novimber 2014 <https://www.cbs.nl/nl-nl/nieuws/2014/47/loonkloof-vrouwen-en-mannen-feit-of-fictie> [krigen 13 maaie 2017]. Ek binne hja minder ambisjeus.Mieke van Stigt, ‘Hebben vrouwen wel genoeg ambitie?’, Sociale Vraagstukken, 5 augustus 2014 <http://www.socialevraagstukken.nl/column/hebben-vrouwen-wel-genoeg-ambitie/> [krigen 13 maaie 2017]. Yn Fryslân is dêrom spesjaal foar de Fryske frou ‘saaklike ambysje’ opnij definiearre as:

het streven naar een bepaald doel, moeite doen om iets te bereiken, … [wat] op alle terreinen van de maatschappij [kan] worden toegepast [en waarbij] niet alleen materiële vooruitgang belangrijk is, maar vooral de kwaliteit van het leven.Thema vrouwenweek 2015, Friese Vrouwenweek, 2015 <http://www.friesevrouwenweek.nl/thema.html> [krigen 13 maaie 2017].

Kwaliteit as doel. Dat is net tafallich ek de gjalp fan it advysorgaan Dingtiid oangeande it ûnderwiis yn it Frysk, in beliedsmêd dat lykas frouljusemansipaasje al jierrenlang gjin inkelde objektive foarútgong sjen lit. Ynstee fan in hânfol tips te jaan oer hoe’t it doel, in simpel non-diskriminaasjedoel skoarre troch grûnwet en Feriene Naasjes, berikt wurde kin, kinne jo ommers ek jo doelen ferdizenje. As wy nammentlik ien ding leard ha fan ús konsosjalisme út it ferpylderingstiidrek, dan is it wol dat troch de problemen net op te lossen de macht moai ferparte bliuwt oer de freedsum neistinoar weidzjende bewegerskeppels sa’t er no ferparte is. It Haachske wurd polderjen is streekrjocht ôflaat fan it Fryske pylderjen.

By de Ried fan de Fryske Beweging groeide wilens it ferlet fan froulju. Yn 2016 naam de Ried fan de Fryske Beweging op syn Facebook-muorre dit foar it Fryske bewegen hie-len-dal net nijsgjirrige berjocht oer:

Froulju dy’t op hege hakken nei in eksposysje fan Vincent van Gogh yn Moskou komme, krije fergees tagong.Ried fan de Fryske Beweging, ‘It Nijs: Froulju op hege hakken meie fergees nei Van Gogh-eksposysje’, Facebook, 6 jannewaris 2016 <https://www.facebook.com/defryskebeweging/posts/1506278326343041> [krigen 13 maaie 2017].

Wy sizze der neat fan. Net dat it gebiet tusken ‘kwaliteit fan libben’ en ‘oan ’e protters razend seksisme’ sa griis en no go is as de Ried fan de Fryske Beweging ûnderstelt, mar Fers2 berikt ek gjin seksegelikens. De manlju op hege hakken lykje altyd krekt wat hurder te rinnen.

In ferklearring kin wêze dat as manlju yn ’e rêstiger libbensfase komme mei frije tiid om te bewegen, froulju it drokker krije. Want de man-frouferhâlding is tradisjoneel yn Fryslân, de mantelsoarch dy’t yn’t algemien de froulju mear belêstetAnkie Lempens, Bianca de Haan en Wouter Andringa, ‘Over mantelzorg en gender: Sekseverschillen in de mantelzorg’, rapport febrewaris 2016, Art.1 Bureau Discriminatiezaken Noord Holland Noord, maart 2013, 4-6 <http://art1nhn.nl/wp-content/uploads/2016/03/Onderzoeksrapport_Mantelzorg_en_Gender.pdf> [krigen 13 maaie 2017]; ‘Informele hulp: wie doet er wat?’, SCP-rapport, SCP, 15 desimber 2015 <https://www.scp.nl/Publicaties/Alle_publicaties/Publicaties_2015/Informele_hulp_wie_doet_er_wat> [krigen 13 maaie 2017]. is yn Fryslân noch faker har taak—it Frysk Sociaal Planbureau gûchelet mei de sifers, mar it oandiel frou is hjir 62,5 persint neist de lanlike 60‘It lûd fan Fryslân: De Friese mantelzorger’, Fries Sociaal Planbureau, july 2015, 1 <https://www.friessociaalplanbureau.nl/sites/default/files/field_dldbl_file/fsp_lud_fan_fryslan-mantelzorg_juni_2015.pdf> [krigen 13 maaie 2017]. Yn 2015 wie it persintaazje froulju op de befolking fan Fryslân 50,0 (sjoch CBS). It sekseferskil lanlik is 20 persint, yn Fryslân 25 persint. It sekseferskil yn Fryslân is dus 25 persintpunt mear. Dat is tefolle om de konlúzje “Dit komt overeen met het Nederlandse percentage mantelzorgers” te rjochtfeardigjen.—en dy taak is langer en swierder om’t de profesjonele soarch rampsalich is yn Fryslân; boppedat is mantelsoarch oerheidsbelied,‘Mantelsozrg’, De Rijksoverheid, g.d. <https://www.rijksoverheid.nl/onderwerpen/mantelzorg/inhoud/veranderingen-voor-mantelzorgers-en-zorgvrijwilligers> [krigen 13 maaie 2017]. sadat der in risiko ûntstiet foar de gelikense behanneling en mantelsoarch yn striid rekket mei Grûnwet kêst 1.Ankie Lempens, Bianca de Haan en Wouter Andringa, ‘Over mantelzorg en gender: Sekseverschillen in de mantelzorg’, rapport febrewaris 2016, Art.1 Bureau Discriminatiezaken Noord Holland Noord, maart 2013, 7 <http://art1nhn.nl/wp-content/uploads/2016/03/Onderzoeksrapport_Mantelzorg_en_Gender.pdf> [krigen 13 maaie 2017]. Fers2 ken it ûnrjocht, ek de oprjochtingsdatum fan Fers2 markearre in soarchoergong fan mantel nei profesjoneel, it hie neat te meitsjen mei it tekoart oan penis en/of ambysje. En dochs liket Fers2 it glêzen plafond te hâlden wêr’t it is en dat is yn de Fryske beweging histoarysk leech. Sa net de Ried fan de Fryske Beweging. De Ried fan de Fryske Beweging tsjocht yn ’e striid, de earste wiere aksje tsjin plafons sûnt dy fan Van Schurman yn 1638—mei in teaterjûn foar jongerein en froulju!Maria del Grosso, ‘Evenement Kneppelwoansdei voor vrouwen en jongeren’, Leeuwarder Courant, 12 maaie 2017, 24.

Dy opmerklike target group is ynspirearre troch Titanic: memmen en bern mochten it earst fan it sinkend skip ôf, yn rêdingsboaten wol te ferstean. Mar hoe tragysk oft it Fryskeigen ek fêstrint op alle mooglike iisberchmetafoaren, froulju en jongerein geane net mei-inoar nei teater. De Ried foar de Fryske Beweging hâldt him dêroer mûsstil, it evenemint is net te finen op ’e webside. It is ús Jacco de Boer fan de Kulturele Haadstêd dy’t sprekke mei as ûnderfiningssaakkundige jong en frou: dy doelgroepen ha mienskiplik dat se nij binne. Aha, en wêrom nij, foldie de âlde net mear? “Mei alle respekt, hjir sitte grize kopkes.”Maria del Grosso, ‘Evenement Kneppelwoansdei voor vrouwen en jongeren’, Leeuwarder Courant, 12 maaie 2017, 24. En wat biedt it evenemint de nije doelgroep?

“Aanleiding is de houding van de Belastingdienst dat anbi-instellingen … deze status kwijtraken als ze hun informatie online uitsluitend in het Fries presenteren.”Maria del Grosso, ‘Evenement Kneppelwoansdei voor vrouwen en jongeren’, Leeuwarder Courant, 12 maaie 2017, 24. Skande; it eineksamen Frysk is ek yn it Nederl—Eindexamen VWO 2016 Fries, Stichting Studiebegeleiding Leiden (SSL) in samenwerking met de Universiteit Leiden, 2016 <http://www.eindexamens.leidenuniv.nl/nieuwesite/assets/files/VWO//Fries/2016/I/Fries/Fries%202016%20I_opgaven.pdf> [krigen 13 maaie 2017]. “Doarpsbelang Aldegea werd daarvoor vorig jaar op de vingers getikt.” Tsjong. Ek wy ha in tillefoantsje hân oer in “ûnbegryplik dialekt” op ús webside. ’t Wie op ’e moarn nei de twadde keamerferkiezing dêr’t sa’t jo witte de PVV flink beskamme. En it wie de nije doelgroep dy’t skille, in jonge frou, dy’t mei har min sin de fatsoensregels oertrêde, mar ja, net de wet. Want kêst 3.1 seit fan, elkenien kin de Fryske taal brûke yn it ferkear mei bestjoersorganen, foar safier’t dy yn Fryslân fêstige binne.‘Wet- en regelgeving: Wet gebruik Friese taal’, Overheid.nl, g.d. <http://wetten.overheid.nl/BWBR0034047/2014-01-01> [krigen 13 maaie 2017]. De ôfdieling anbi sit yn Eindhoven; wat sil de nije doelgroep dêrtsjin dwaan?

“[D]it is ek dellein by [advysorgaan foar de Fryske taal] Dingtiid”, seit de Ried fan de Fryske Beweging.Ried fan de Fryske Beweging, ‘ANBI Status’, Fryske Beweging, g.d. <http://www.fryskebeweging.frl/dossiers/anbi-status/> [krigen 13 maaie 2017]. O? Hat Dingtiid him dan ea ferset tsjin ’e territoariumklausule yn de Wet gebrûk Fryske taal, dat alles inkeld jildt binnen de provinsje Fryslân en net in milimeter, bit of lûdsweach derbûten? Nee, Dingtiid is fan betinken dat de wet goed is, mar dat der stjoering komme moat op ’e útfiering: in skipper op it skûtsje.Dingtiid, Orgaan foar de Fryske taal, ‘Advies “verandering en verbetering”’, Dingtiid, desimber 2015 <http://dingtiid.frl/wp-content/uploads/2015/09/DINGTIID_ADVYS_DIGI_FRL-fersy-20-sept-2015-DEF.pdf> [krigen 13 maaie 2017]; Saskia van Westhreenen, ‘Dingtiid: breder overleg over gebruik Friese taal’, Leeuwarder Courant, 21 maart 2016 <http://www.lc.nl/friesland/Dingtiid-breder-overleg-over-gebruik-Friese-taal-21210074.html> [krigen 13 maaie 2017]. Skipperje ja, dus wat helpt dat dellizzen? “Een kleine oproep leidde al tot veel reacties uit de leeftijdscategorie van twintig tot veertig jaar.”Maria del Grosso, ‘Evenement Kneppelwoansdei voor vrouwen en jongeren’, Leeuwarder Courant, 12 maaie 2017, 24.

Prachtich. Sei Lenin hûndert jier lyn net dat jonge lju de politike ûnderfining misse, gjin dossierkennis ha en folle bûchsumer binne as folwoeksenen, sadat jo har ienfâldich foarmje kinne ta fûle stipers fan in nije maatskippij?Vladimir I. Lenin, ‘The tasks of the youth leagues’, Speech delivered at the third All-Russia Congress of The Russian Young Communist League, October 2, 1920, yn: Idem, Collected Works, Volume 31 (Moskou: Progress Publishers, 1966) 283-299 <https://archive.org/stream/LeninCW/Lenin%20CW-Vol.%2031#page/n287/mode/2up> [krigen 13 maaie 2017]. En om ’t jongereinaktivisme meastal net rjochte is op demokratyske macht, kinne se ek ynset wurde tsjin it demokratysk keazen bestjoer?Kathleen Barr, ‘The war of ideas, wedge issues, youth recruitment, and money’, yn: Dennis W. Johnson (red.), Routledge handbook of political management (New York / Londen 2009) 223-239, 234-235. “Daarom wordt in popcentrum Neushoorn … een evenement gehouden.”Maria del Grosso, ‘Evenement Kneppelwoansdei voor vrouwen en jongeren’, Leeuwarder Courant, 12 maaie 2017, 24. Pop­sintrum? Mar dat Lenin yn ’e snie stie te dûnsjen, om’t aktivisme nea ôffalle soe en altyd fleurich is, dat wie dochs mar in anekdoate fan Trotski, dat ha jo dochs net letterlik nommen? “[H]et huidige Bewegingsblad Swingel,” seit de Ried fan de Fryske Beweging, “hamert te veel op de slechte situatie van het Fries.”Maria del Grosso, ‘Evenement Kneppelwoansdei voor vrouwen en jongeren’, Leeuwarder Courant, 12 maaie 2017, 24. Okee okee, en hoe no fierder mei de bewegende froulju?

“[V]ervolgens peilen [we] hoe radicaal het aanwezige publiek is.”Maria del Grosso, ‘Evenement Kneppelwoansdei voor vrouwen en jongeren’, Leeuwarder Courant, 12 maaie 2017, 24. O mar dat is goed nijs! Nettsjinsteande omfiemjende en komplekse steatsfeiligenstaktiken—en dêrûnder tsjin jeugdrekrutearring en ophiserij troch de wei fan knip- en plakideologyenKristen Boon, Aziz Huq en Douglas C. Lovelace, Jr, Terrorism: Commentary on security documents. European responses to terrorist radicalization, Volume 114 (New York 2011) 488-489 et passim.—binne, sa’t Breivik sjen liet, radikalisearjende eleminten amper te identifisearjen. Mar de Ried fan de Fryske Beweging, “de belange-organisaasje foar minsken dy’t wiis binne mei Fryslân”,Ried fan de Frysk Beweging, ‘Hiem’, Fryske Beweging, g.d. <http://www.fryskebeweging.frl/> [krigen 13 maaie 2017]. freget gewoan oan it publyk yn ’e teaterseal: fingers opstekke graach, wa fan jimme is radikaal. Is de ferwachting dat it ekstremismesifer ûnder froulju en jongerein oars is as ûnder mei alle respekt grize kopkes? “De aanwezigen gingen akkoord met het idee om in januari 2018 met een glimmer (glossy) te beginnen.”Maria del Grosso, ‘Evenement Kneppelwoansdei voor vrouwen en jongeren’, Leeuwarder Courant, 12 maaie 2017, 24. Bliksem! Mar eh, oanwêzigen? Op ’e útnoeging dy’t wy krigen stiet dat it krekt op 24 maaie wêze sil, dus hoe kin no al bekend wêze wêr’t de oanwêzigen yn ’e takomst mei akkoart gean sille? Eala? Is der noch immen?

Noaten

  1. ‘Twa nije bestjoersleden Fryske Beweging’, It Nijs, 25 septimber 2009 <https://www.itnijs.frl/2009/09/twa-nije-bestjoersleden/> [krigen 13 maaie 2017].
  2. Centraal Bureau voor de Statistiek, ‘Loonkloof vrouwen en mannen, feit of fictie?’, CBS, 17 novimber 2014 <https://www.cbs.nl/nl-nl/nieuws/2014/47/loonkloof-vrouwen-en-mannen-feit-of-fictie> [krigen 13 maaie 2017].
  3. Mieke van Stigt, ‘Hebben vrouwen wel genoeg ambitie?’, Sociale Vraagstukken, 5 augustus 2014 <http://www.socialevraagstukken.nl/column/hebben-vrouwen-wel-genoeg-ambitie/> [krigen 13 maaie 2017].
  4. Thema vrouwenweek 2015, Friese Vrouwenweek, 2015 <http://www.friesevrouwenweek.nl/thema.html> [krigen 13 maaie 2017].
  5. Ried fan de Fryske Beweging, ‘It Nijs: Froulju op hege hakken meie fergees nei Van Gogh-eksposysje’, Facebook, 6 jannewaris 2016 <https://www.facebook.com/defryskebeweging/posts/1506278326343041> [krigen 13 maaie 2017].
  6. Ankie Lempens, Bianca de Haan en Wouter Andringa, ‘Over mantelzorg en gender: Sekseverschillen in de mantelzorg’, rapport febrewaris 2016, Art.1 Bureau Discriminatiezaken Noord Holland Noord, maart 2013, 4-6 <http://art1nhn.nl/wp-content/uploads/2016/03/Onderzoeksrapport_Mantelzorg_en_Gender.pdf> [krigen 13 maaie 2017]; ‘Informele hulp: wie doet er wat?’, SCP-rapport, SCP, 15 desimber 2015 <https://www.scp.nl/Publicaties/Alle_publicaties/Publicaties_2015/Informele_hulp_wie_doet_er_wat> [krigen 13 maaie 2017].
  7. ‘It lûd fan Fryslân: De Friese mantelzorger’, Fries Sociaal Planbureau, july 2015, 1 <https://www.friessociaalplanbureau.nl/sites/default/files/field_dldbl_file/fsp_lud_fan_fryslan-mantelzorg_juni_2015.pdf> [krigen 13 maaie 2017]. Yn 2015 wie it persintaazje froulju op de befolking fan Fryslân 50,0 (sjoch CBS). It sekseferskil lanlik is 20 persint, yn Fryslân 25 persint. It sekseferskil yn Fryslân is dus 25 persintpunt mear. Dat is tefolle om de konlúzje “Dit komt overeen met het Nederlandse percentage mantelzorgers” te rjochtfeardigjen.
  8. ‘Mantelsozrg’, De Rijksoverheid, g.d. <https://www.rijksoverheid.nl/onderwerpen/mantelzorg/inhoud/veranderingen-voor-mantelzorgers-en-zorgvrijwilligers> [krigen 13 maaie 2017].
  9. Ankie Lempens, Bianca de Haan en Wouter Andringa, ‘Over mantelzorg en gender: Sekseverschillen in de mantelzorg’, rapport febrewaris 2016, Art.1 Bureau Discriminatiezaken Noord Holland Noord, maart 2013, 7 <http://art1nhn.nl/wp-content/uploads/2016/03/Onderzoeksrapport_Mantelzorg_en_Gender.pdf> [krigen 13 maaie 2017].
  10. Maria del Grosso, ‘Evenement Kneppelwoansdei voor vrouwen en jongeren’, Leeuwarder Courant, 12 maaie 2017, 24.
  11. Maria del Grosso, ‘Evenement Kneppelwoansdei voor vrouwen en jongeren’, Leeuwarder Courant, 12 maaie 2017, 24.
  12. Maria del Grosso, ‘Evenement Kneppelwoansdei voor vrouwen en jongeren’, Leeuwarder Courant, 12 maaie 2017, 24.
  13. Eindexamen VWO 2016 Fries, Stichting Studiebegeleiding Leiden (SSL) in samenwerking met de Universiteit Leiden, 2016 <http://www.eindexamens.leidenuniv.nl/nieuwesite/assets/files/VWO//Fries/2016/I/Fries/Fries%202016%20I_opgaven.pdf> [krigen 13 maaie 2017].
  14. ‘Wet- en regelgeving: Wet gebruik Friese taal’, Overheid.nl, g.d. <http://wetten.overheid.nl/BWBR0034047/2014-01-01> [krigen 13 maaie 2017].
  15. Ried fan de Fryske Beweging, ‘ANBI Status’, Fryske Beweging, g.d. <http://www.fryskebeweging.frl/dossiers/anbi-status/> [krigen 13 maaie 2017].
  16. Dingtiid, Orgaan foar de Fryske taal, ‘Advies “verandering en verbetering”’, Dingtiid, desimber 2015 <http://dingtiid.frl/wp-content/uploads/2015/09/DINGTIID_ADVYS_DIGI_FRL-fersy-20-sept-2015-DEF.pdf> [krigen 13 maaie 2017]; Saskia van Westhreenen, ‘Dingtiid: breder overleg over gebruik Friese taal’, Leeuwarder Courant, 21 maart 2016 <http://www.lc.nl/friesland/Dingtiid-breder-overleg-over-gebruik-Friese-taal-21210074.html> [krigen 13 maaie 2017].
  17. Maria del Grosso, ‘Evenement Kneppelwoansdei voor vrouwen en jongeren’, Leeuwarder Courant, 12 maaie 2017, 24.
  18. Vladimir I. Lenin, ‘The tasks of the youth leagues’, Speech delivered at the third All-Russia Congress of The Russian Young Communist League, October 2, 1920, yn: Idem, Collected Works, Volume 31 (Moskou: Progress Publishers, 1966) 283-299 <https://archive.org/stream/LeninCW/Lenin%20CW-Vol.%2031#page/n287/mode/2up> [krigen 13 maaie 2017].
  19. Kathleen Barr, ‘The war of ideas, wedge issues, youth recruitment, and money’, yn: Dennis W. Johnson (red.), Routledge handbook of political management (New York / Londen 2009) 223-239, 234-235.
  20. Maria del Grosso, ‘Evenement Kneppelwoansdei voor vrouwen en jongeren’, Leeuwarder Courant, 12 maaie 2017, 24.
  21. Maria del Grosso, ‘Evenement Kneppelwoansdei voor vrouwen en jongeren’, Leeuwarder Courant, 12 maaie 2017, 24.
  22. Maria del Grosso, ‘Evenement Kneppelwoansdei voor vrouwen en jongeren’, Leeuwarder Courant, 12 maaie 2017, 24.
  23. Kristen Boon, Aziz Huq en Douglas C. Lovelace, Jr, Terrorism: Commentary on security documents. European responses to terrorist radicalization, Volume 114 (New York 2011) 488-489 et passim.
  24. Ried fan de Frysk Beweging, ‘Hiem’, Fryske Beweging, g.d. <http://www.fryskebeweging.frl/> [krigen 13 maaie 2017].
  25. Maria del Grosso, ‘Evenement Kneppelwoansdei voor vrouwen en jongeren’, Leeuwarder Courant, 12 maaie 2017, 24.

Foaropwurd

Fers2 nû. 3.9, 7 maaie 2017

In minister foar minderheidssaken:

Hoe net yn aksje te kommen wylst it jo direkt oangiet (& sechstjin jier image Fers2

Keningsdei, gjin oanslach te ferwachtsjen want Eberhard van der Laan is “in charge. Ja hoor, niemand hoeft bang te zijn dat als ik in een ziekenhuis zit dat er dan even vrij spel is.”‘Burgemeester Van der Laan ontroerd door ‘magistraal aardige reacties’’, AD, 18 febrewaris 2017 <http://www.ad.nl/article/~a5e3acbc> [krigen 30 april 2017]. De fredigens rôp in ûnskuldige fraach op, in, sa wurdt sein,Marc van Oostendorp, ‘“De grootste vijanden van het Fries zijn de gewone Friezen”: Het Fries en de Friese beweging in de 21ste eeuw’, Onze Taal 75:5 (2006) 211-214, te finen op <http://www.vanoostendorp.nl/linguist/fries21.html>. wol tige hypotetyskenien: as de Fryske minderheidsgroep syn minderheid­wêzen beskermje woe, hoe moasten se dat dan ha? Alle boeren mei de trekker nei Brussel ta, tinkt Hein Jaap Hilarides;Hein Jaap Hilarides, De trekker fan Troje (De Gerdyk 2017). net om’t de boeren har it Fryske lot ea oanlûke koene, besteld as hja binne mei it boerebûsefoljen, mar om’t wy de jarre tradisjoneel spuitsje op De Haach & Co. (ynklusyf Brussel) en o heden, nea op de eigen Fryske lieders. Mar, beskermjen, dat docht it Europeesk ramtferdrach oer de beskerming fan nasjonale minderheden, sizze âld-deputearre Bertus Mulder, de Ried foar de Fryske Beweging en wa eigentlik net, handich de fraach ûntdûkend fan hoe dan.Bertus Mulder, De miskende taaiheid fan it Frysk (Ljouwert 2007) 31; sjoch bygelyks Ried fan de Fryske beweging, ‘Ried fan de Fryske Beweging skriuwt brief nei Opstelten, Ljouwert, 17 augustus 2010’ <www.fryskebeweging.frl/fryske-beweging/ried-fan-de-fryske-beweging-skriuwt-brief-nei-opstelten/> [krigen 30 april 2017]; sjoch fan de Jongfryske Mienskip bygelyks Chris van Hes, Takomst troch taalferskaat, Jongfryske Mienskip, g.d. <http://www.jongfryskemienskip.com/argyf/2-ongecategoriseerd/23-artikel-takomst-troch-taalferskaat> [krigen 30 april 2017].

Want hat net de oerheid der tsien jier lang oer dien om it ramtferdrach ratifisearjen, om’t se stykjen bleaune yn ’e ynfolling fan ’e noasje ‘nasjonale minderheid’.Yvonne Donders, ‘Invulling begrip ‘nationale minderheid’ struikelblok bij Nederlandse goedkeuring Kaderverdrag inzake de bescherming van nationale minderheden’, Nederlands Tijdschrift voor de Mensenrechten 27:2 (2002) 131-138. Wie dat in fansels ferdwinende groep:

Volgens het kabinet vallen de personen die lid zijn van een doelgroep van het integratiebeleid en de Friezen onder de bescherming van het Kaderverdrag. Verdwijnt een groep uit het integratiebeleid dan vervalt de bescherming uit het Kaderverdrag.Roger van Boxtel, Jozias van Aartsen, Els Borst-Eilers, ‘Memorie van antwoord’, Kamerstuk 26389, 27 oktober 2000, 1 <https://www.eerstekamer.nl/9370000/1/j9vvhwtbnzpbzzc/vfqcal1xijwt/f=y.pdf> [krigen 30 april 2017].

… of in mei belied (fuort) te stjoeren groep:

Het kabinet is dan ook van mening dat na inwerking­treding van het Kaderverdrag het voor Nederland mogelijk is om [as se ta gefolch fan it yntegraasje­belied yntegrearre binne] nationale minderheden de status van nationale minderheid in de zin van het Kaderverdrag te ontnemen.Roger van Boxtel, Jozias van Aartsen, Els Borst-Eilers, ‘Memorie van antwoord’, Kamerstuk 26389, 27 oktober 2000, 2 <https://www.eerstekamer.nl/9370000/1/j9vvhwtbnzpbzzc/vfqcal1xijwt/f=y.pdf> [krigen 30 april 2017].

… of om losse yndividuen, en as dat sa is, hoe slute jo dy dan, sjoen de bewurklikens fan ’e bûter-brea-en-griene-tsiismetoade,Ian Buruma, ‘The road to Babel’, Yn: Steven G. Kellman (red.), Switching languages: Translingual writers reflect on their craft (Lincoln / Londen 2003) 10: folksoerlevering, boarne sirka 1518, om ynfiltraasje yn it hierlingeleger tefoaren te kommen moasten alle hierlingen apart foar de hierlingelieder in Frysktalich wachtwurd útsprekke. fluch mar betrouber yn by of út fan ’e groep:

De leden van de fracties van het CDA en van GroenLinks informeerden naar de criteria op grond waarvan personen als Friezen kunnen worden aangemerkt. De leden van de GroenLinks-fractie vroegen in dat verband hoeveel procent van de inwoners van de provincie Fryslân wordt gerekend tot de Friezen, en waarop dit cijfer is gebaseerd.Roger van Boxtel, Jozias van Aartsen, Els Borst-Eilers, ‘Memorie van antwoord’, Kamerstuk 26389, 27 oktober 2000, 2 <https://www.eerstekamer.nl/9370000/1/j9vvhwtbnzpbzzc/vfqcal1xijwt/f=y.pdf> [krigen 30 april 2017].

En úteinlik keas it regear de Friezen as de iennichste nasjonale minderheid, mar net om’t se safolle fan de Friezen holden:

Nederland behoort tot een kleine groep van landen die het Kaderverdrag nog niet hebben geratificeerd. Mede op grond daarvan mag worden verwacht dat ratificeren van het Kaderverdrag, waarbij Nederland het begrip nationale minderheden beperkt tot Friezen, internationaal positiever zal overkomen dan in het geval Nederland niet ratificeert.Rita Verdonk, ‘Brief van de Minister voor Vreemdelingenzaken en Integratie’, Kamerstuk 26389 nr. 8, Den Haag, 16 december 2003 <https://zoek.officielebekendmakingen.nl/dossier/26389/kst-26389-8?resultIndex=9&sorttype=1&sortorder=4> [krigen 30 april 2017].

It problematyske oantsjutten fan ‘minderheid’ troch de mearderheid/machthawwer is net it iennichste obstakel om minderheden te beskermjen. Want wat ‘minderheid’ is yn it ynternasjonaal rjocht is in dreech en oan no ta net oplost fraach­stik. Mei de Frede fan Westfalen begûn yn Europa de beskerming fan minderheden, by religieuze minderheden, ûnsúksesfol. De beskermplicht wie faak de reden om it grûngebiet fan in oare steat binnen te fallen, dus it koe helpe kwa beskerming mar foar it feitlike doel fan non-yntervinsje wie it spitich. Ek krige it beskermjen fan minderheden net goed stal om’t it de ieuwen lâns mei ynternasjonale ferdraggen regele wie en dêrnei oan ’e steaten sels oerlitten waard om te hanthavenjen, mar dêr hiene dy likemin belang by as De Haach hjoed.

It beskermjen fan nasjonale minderheden wie wêr’t de League of Nations tsjinoan rûn, nei de Earste Wrâldkriich dy’t in stikmannich nije minderheden skoep. Mar as steaten al ree wiene om minderheden op har grûngebiet te litten, hiene se gjin sin oan erkenning. Erkenning taast de steatssoevereiniteit oan, want erkende minderheden kinne autonomy opeaskje en har ôfskiede. Of steaten tsjinakselen om’t se de ferplichtingen oan minderheden seagen as ûnearlik ferdield oer Europa. Clemenceau makke dêrom reklame foar it beskermjen fan nasjonale minderheden as goed foar de steatsfeilichheid, en net yn it foarste plak foar de minderheden sels.Peter Hilpold, ‘The League of Nations and the protection of minorities – Rediscovering a great experiment’, Max Planck Yearbook of United Nations Law 17:1 (2013) 87-124, beskiber op <https://papers.ssrn.com/sol3/papers.cfm?abstract_id=2305920> 1-29, 5. Sadwaande bylde er minderheden ôf as krûdfet—en dat docht de Rie fan Europa hjoed noch: om’t erkenning ferwachtingen skept kweket it ekstra spanning.Jennifer Jackson Preece, National minority rights enforcement in Europe: A difficult balancing act, The International Journal of Peace Studies 3:2 (1998) <http://www.gmu.edu/programs/icar/ijps/vol3_2/Preece.htm> [krigen 1 maaie 2017]; Clive Baldwin, Chris Chapman en Zoë Gray, ‘Minority rights: The key to conflict prevention’, Minority Rights Group International, 2007 <http://minorityrights.org/wp-content/uploads/old-site-downloads/download-174-Minority-Rights-The-Key-to-Conflict-Prevention.pdf> [krigen 1 maaie 2017].

Sûnt de oansetten fan de League of Nations hat der amper foarútgong west yn ’e wetlike definiearring fan ‘nasjonale minderheid’. Earst ferskille de tûzenen minderheden yn steaten sa fan inoar dat se dy net ûnder itselde beflappe koene. Twad is it bepalen fan in ynternasjonale rjochts­persoanlikheid fan in minderheids­groep folle dreger as in ynternasjonale rjochts­persoan­likheid fan in yndividu, om’t in minderheidsgroep in ekstra politike diminsje hat. Want de erkenning fan in nasjonale minderheid is altyd ferbûn mei selsbeskikking en mei it gefaar fan binnenfallen fan ’e memmesteat om syn minderheden te beskermjen.Peter Malanczuk, Akehurst’s modern introduction to international law, 7th revised edition (New York 1997) 105-107. De Turkske groep hie hjir, as doelgroep fan it yntegraasjebelied, in nasjonale minderheid wêze kinnen, Erdogan hat dochs al in bûtenwenstich beskermjend karakter, voilà. Om’t der foar it ramtferdrach sels gjin mienskiplike wurkdefinysje fûn wurde koe, tusken de objektive kriteria fan ras, taal of religy en subjektive kriteria lykas de groep syn selsidentifikaasje as minderheid, lit de Rie fan Europa de lidsteaten har minderheden mar oanwize sûnder te bepalen wat in ‘nasjonale minderheid’ is.Jennifer Jackson Preece, ‘What is a national minority?’, yn: id, National minorities and the European nation-state system (Oxford 1998) 14-29 (ek beskikber op <https//:doi.org/10.1093/acprof:oso/9780198294375.001.0001>). It konsept ‘nasjonale minderheid’ is sa dizich dat in groep as soks oanwiisd wurde kin op grûn fan net mear as eangst foar in ynternasjonale bad rep as der net fluch eat oanwiisd wurdt.

Mar Fryslân foel yn ’e prizen. Mei genôch goede wil kin men sizze dat it oan gauris sitearre kriteria foldocht: it hat in net-dominante groep mei (by guon groepsleden) oare taal­karakteristiken en (somtiden) in gefoel fan ienriedigens oangeande it (selektyf) bewarjen fan ’e groepskultuer.De definysje fan Francesco Capotorti, Feriene Naasjes spesjale rapporteur, giet: “A group numerically inferior to the rest of the population of a State, in a non-dominant position, whose members – being nationals of the State – possess ethnic, religious or linguistic characteristics differing from those of the rest of the population and show, if only implicitely, a sense of solidarity, directed towards preserving their culture, traditions, religion or language.” (Study on the rights of persons belonging to ethnic, religious and linguistic minorities, 1977, E/CN.4/Sub.2/384/Rev.1, para. 568). Hoe moatte jo dat beskermje? Dy fraach is faak beändere, meastal mei it each op globalisearring, dy’t gewoanlik sjoen wurdt as natuerramp, dat wol sizze net te kearen, en as a priori stridich mei diversiteit:

first the languages must be conserved. … But not only the languages, also the rituals, the customs and the religious habits. And a very important tool is commercial justice.

Very high priority has the acceptance of laws and the mutual tolerance.Hanno Krieger, ‘(Answer to) How can minority groups protect their culture and identity in the face of increasing globalisation?’, Research Gate <https://www.researchgate.net/post/How_can_minority_groups_protect_their_culture_and_identity_in_the_face_of_increasing_globalisation> [krigen 30 april 2017].

Hannelsrjochtfeardigens hiene wy sa gau net oan tocht. Wol bruts dêroer dalik nei Brexit, dat tsjin it bestean fan minderheden überhaupt en fral tsjin soks op Britsk territoarium rjochte wie, by de Skotten de diskusje út. Skotlân hat bygelyks Grand Theft Auto, mei in miljarde-omset mar mei problemen, sadat it petear der giet oer minder dizige saken as identiteit.Wesley Yin-Poole, ‘What does Brexit mean for the UK video games industry?’, Eurogamer.net, 24 juny 2016 <http://www.eurogamer.net/articles/2016-06-24-uk-game-industry-brexit> [krigen 27 april 2017]. Mar Fryslân hat gjin spesjalistysk eksportprodukt—elke ko jout wol molke—en ek gjin eigen hannelsjurisdiksje. Fryslân hat net iens eigen oerheids­struktueren; it hat de gewoane provinsjale en gemeentlike oerheden dy’t de Fryske taal ûnderstypje,Theo Brinkel, ‘The status of indigenous and minority people in the Netherlands’, Electronic Journal of Comparative Law 6:4 (2002) <http://www.ejcl.org/64/art64-1.html> [krigen 30 april 2017]. of dat alteast dwaan moatte mar te min dogge.‘Gemeenten lopen achter met Friese taal’, Friesch Dagblad, 3 desimber 2016 <http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=72280> [krigen 28 april 2017].

In oar opfallend ding is dat de taal beholden wurde moat, passive foarm, en dat der wetten wêze moatte. It idee is sa’t it liket dat de minderheid rêstich wachtsje moat op de genede fan syn eigen of oare oerheden. Dat tinken is hiel algemien. Ek de Rie fan Europa is fan betinken dat, ûnder mear, ús oerheid soargje moat dat de kommersjele media Frysk brûke, en ús oerheid hat in Mediawet dus no sweat tocht de Rie fan Europa. Mar minister fan Ynlânske saken Plasterk hat werom sein dat de Mediawet just soargje moat dat de media sels beslisse hokker taal hja brûke. Sa beskermet de facto de Mediawet tsjin minderheidstaalgebrûk.Ronald Plasterk, ‘Kamerbrief over tussenevaluatie van de bestuursafspraken Friese taal en cultuur 2013-2018’, 2 desimber 2016 <https://www.rijksoverheid.nl/documenten/kamerstukken/2016/12/02/kamerbrief-over-tussenevaluatie-bestuursafspraken-friese-taal-en-cultuur> [krigen 30 april 2017]. Ien-nul foar Plasterk.

Mar it meast aparte is de fanselssprekkendheid fan it bewarjen fan de taal. Wêrom taal? Komt it troch de fier misynterpretearre útspraak fan Herder, “Ein Volkseyn, Eines Vaterlandes, Einer Sprache”, dy’t komt út in taheakke fan “zurückbehaltene und ‘abgeschnittene’ Briefe” by it tachtich jier nei Herder syn dea útjûne komplete wurk, dus út ôfkarde oantekeningen?Ingrid Piller, ‘Herder: an explainer for linguists’, Language on the Move, 4 maart 2016 <http://www.languageonthemove.com/herder-an-explainer-for-linguists/> [krigen 1 maaie 2017]. Of is der mear?

Jawis: mear. “The charter does not establish any individual or collective rights for the speakers of regional or minority languages”, stiet der yn it ferklearjend rapport fan it hânfêst foar minderheidstalen fan de Rie fan Europa.Council of Europe, ‘Explanatory report to the European Charter for Regional or Minority Languages (European Treaty Series - No. 148)’, Strasbourg, 5.XI.1992, Para. 11, 2 <https://rm.coe.int/CoERMPublicCommonSearchServices/DisplayDCTMContent?documentId=09000016800cb5e5> [krigen 1 maaie 2017]. Sels as steaten der hielendal efter stean dat it bewarjen fan minderheidstalen in wichtich doel is, hoecht dat net opfette te wurden as in yndividueel, noch in kollektyf rjocht.Xabier Arzoz, ‘The nature of language rights’, Journal on Ethnopolitics and Minority Issues in Europe 2 (2007) 1-35, 16. It hânfêst is net minder weromhâldend as it ramtferdrach, it jout allyksa oan eigen ynfolling troch de steaten frije romte. Dêrneist wurdt it doelberet út it hânfêst weilitten fan kollektive rjochten maskearre troch de taal fan de minderheid alle garânsjes te jaanXabier Arzoz, ‘The nature of language rights’, Journal on Ethnopolitics and Minority Issues in Europe 2 (2007) 1-35, 17.—op papier. Mei it ratifisearjen fan it hânfêst kaam as ferplichting it opstellen fan in bestjoersôfspraak oer it ymplemintearjen fan de beliedsdoelen fan it hânfêst. Want ûnder­drukken fan it Fryskeigen koe al lang net mear; kêst 1 Grûnwet ferbiedt tachtichjierrige prysters dy’t neat te sykjen hawwe by it ynheemske leauwe yn Dokkum, likegoed as dat it neutrale betingsten mei in bûtenslutend gefolch ferbiedt, sa as steatsûnder­wiis yn ’e lânstaal.Bygelyks koe fan 1937 ôf al wat streektaal ûnderwiisd wurde op skoallen, sûnt 1980 is Frysk in ferplichte fak op de basisskoallen en sûnt 1993 ek op de middelbere skoallen. Kêst 1 Grûnwet is basearre op Aristoteles syn begjinsel dat gelikense gefallen gelyk behannele wurde moatte en ûngelikense ûngelyk. Mar it hânfêst trune oan op aktyf fuortsterkjen fan kultuerferskaat, wat hiel wat oars is as allinne non-diskriminaasje. De besjoersôfspraak wie dêrom in belangryk ding.

Doe barde dit. Yn de bestjoersôfspraak waarden de rjochten fan de Friezen beskreaun as kânsen en stipe foar de Fryske taal op it Frysk grûngebiet, mar de bestjoersôfspraak en de wetjouwing deromhinne rjochten har net op in spesifike groep of minderheid.Theo Brinkel, ‘The status of indigenous and minority people in the Netherlands’, Electronic Journal of Comparative Law 6:4 (2002) <http://www.ejcl.org/64/art64-1.html> [krigen 30 april 2017]. Yn de konsiderâns fan ’e bestjoersôfspraak lei de ryksoerheid fêst wat it oangeande it hânfêst dwaan wol foar de Fryske taal en kultuer, mar net foar de minderheid sels,

overwegende dat

- het wenselijk is de Friese taal en cultuur in stand te houden en te bevorderen, alsmede ter zake een ruimhartig beleid te voeren;

- ten opzichte van de Nederlandse taal en cultuur de Friese taal en cultuur een evenredige kans op ontplooiing dient te krijgen.Bestuursafspraak Friese Taal en Cultuur 2001, 2 <https://www.rijksoverheid.nl/binaries/rijksoverheid/documenten/convenanten/2001/06/06/bestuursafspraak-friese-taal-en-cultuur/bestuursafspraak-friese-taal-6-01.pdf> [krigen 27 april 2017].

Itselde stiet yn ’e bestjoersôfspraak 2013-2018, no lykwols op grûn fan it hânfêst en it wilens ratifisearre ramtferdrach oer de beskerming fan nasjonale minderheden; wol taal, gjin minderheden:

• Nederland zich als lidstaat van de Raad van Europa heeft verplicht het Fries te beschermen en te bevorderen door de ratificatie van het Kaderverdrag inzake de bescherming van Nationale Minderheden en het Europees Handvest voor regionale talen en talen van minderheden;

• het Rijk en de provincie Fryslân om die reden de gezamenlijke verantwoordelijkheid hebben voor het waarborgen van de Friese taal en cultuur.Bestuursafspraak Friese taal en cultuur 2013-2018, 2 <https://www.rijksoverheid.nl/binaries/rijksoverheid/documenten/convenanten/2013/04/22/bestuursafspraak-friese-taal-en-cultuur-2013-2018/bestuursafspraak-friese-taal-en-cultuur-2013-2018.pdf> [krigen 27 april 2017].

Wa’t mient dat in folk beskermje of syn taal en kultuer beskermje op itselde delkomt sit der goed neist. Der is in kategoarysk ferskil: dat fan de minister of steatssekretaris yn De Haach. De measte Europeeske steaten hawwe in minister of ûnderminister foar minderheidssaken of foar minderheids­(minske)­rjochten, Hongarije, Eastenryk, Estlân, Servië ensafuorthinne,Sjoch bygelyks de list yn Jean-Pierre Liégeois, The Council of Europe and Roma: 40 years of action (Strasbourg 2012) 104-105. in departemint dat net op assimilaasje rjochte is,Meindert Fennema, ‘Hoe slecht was het Nederlandse minderhedenbeleid?’, Art.1 <http://www.art1.nl/artikel/3554-Hoe_slecht_was_het_Nederlandse_minderhedenbeleid> [1 maaie 2017]. mar op it goed­meitsjen fan de faak net earlike represintaasje fan minderheden yn it regear.Floor Eelbode, ‘Political representation of ethnic minorities: A framework for a comparative an alysis of ethnic minority representation’. Paper foar de konferinsje “Politicologenetmaal”, Leuven 27-28 maaie 2010 <https://soc.kuleuven.be/web/files/11/72/W13-61.pdf> [krigen 1 maaie 2017]. Sjoch foar it ferskil tusken gelykheid en earlikheid op it mêd fan politike represintaasje fan minderheden bygelyks Susan A. Banducci and Jeffrey A. Karp, ‘Perceptions of fairness and support for proportional representation’, Political Behavior 21:3 (1999) 217-238. ‘Kin in net-Fries de Friezen net fertsjintwurdigje?’ is in suggestive fraach dêr’t it antwurd op is dat it net relevant is: lit Arno Brok mar lekker sitte, mar it ideaal fan spegelrepresintaasje bestiet om’t it op syn minst gjin kwea kin foar de kwaliteit fan it lânsbelied.Deskriptive represintaasje stiet ommmers substantive represintaasje net yn it paad, sjoch Derek J. Fowler, Jennifer L. Merolla en Abbylin H. Sellers, The effects of dDescriptive representation on political attitudes and behaviors, Paper prepared for presentation at the Annual Meeting of the Western Political Science Association, Portland, Oregon, 22-24 maart 2012 <https://wpsa.research.pdx.edu/meet/2012/fowlermerollaandsellers.pdf> [krigen 1 maaie 2017]. Rekkene mei de mankearjende represintaasje,‘Maar twee Friezen veroveren zetel in nieuwe Tweede Kamer’, Omrop Fryslân, 15 maart 2017 <http://www.omropfryslan.nl/nieuws/705935-maar-twee-friezen-veroveren-zetel-nieuwe-tweede-kamer> [krigen 1 maaie 2017]. en dermei rekkene dat minderheidsbelangen altyd op spande foet stean mei in demokratysk bestel,Yn moderne steaten wurde minderheidsrjochten beskerme ek as de mearderheid wol dat syn regear dat net docht, om’t der neist it prinsipe fan demokrasy oare belangrike prinsipes binne, sadat gûnwetten beheiningen oan de demokrasy oplizze. ‘Bestuurskundige Paul Frissen: Bescherming minderheid gaat voor macht meerderheid’, Tilburg University <https://www.tilburguniversity.edu/nl/actueel/nieuws/bescherming-minderheid-gaat-voor-macht-meerderheid-frissen-fd/> [krigen 30 april 2017]. is om dy minderheidsbelangen dochs te behertigjen in ministearje de bêste wei. In ministearje foar minderheidssaken kin it ferskil útmeitsje tusken in universitêre stúdzje yn de minderheidstaal en -kultuer of it opheffen fan dy stúdzje. Mar Nederlân hat net sa’n minister.

Nederlân makke, neist de bestjoersôfspraak, in Wet gebrûk Fryske taal. Yn werklikheid is dy wet net in nij dokumint; it is in oerheveling fan besteande wetskêsten.Raad van State, Advies W04.11.0416/I [oangeande it wetsútstel Wet gebruik Friese taal), Kamerstukken II 2011/12, 33 335, nr. 4, 19 novimber 2011, 2. De measte kêsten komme út de Wet algemien bestjoersrjocht, nammentlik ôfdieling 2.2 dy’t op 1 july 1995 yn wurking gie en dy’t it brûken fan ’e Fryske taal yn it bestjoerlik ferkear in wetlike basis joech; de doelgroepen van de Wet gebrûk Fryske taal binne, en beheine har ta: “Bestuursorganen en rechterlijke instanties die zijn gevestigd in de provincie Fryslân of de provincie Fryslân mede als werkgebied hebben en een ieder die in het contact met deze bestuursorganen of rechterlijke instanties gebruik wil maken van het Fries.” Sjoch ek Lidy Nicolasen, ‘‘Het Fries als officiële taal is eenverkiezingscadeau van het CDA’’, de Volkskrant, 2 maart 2011 <http://www.volkskrant.nl/archief/-het-fries-als-officiele-taal-is-eenverkiezingscadeau-van-het-cda~a1854169/> [krigen 1 maaie 2017]. Dus likemin as dat der echt wat feroare yn 1956 om’t rjochters hielendal net sa ôfwizend foar it Frysk yn ’e rjochtseal oer stiene as dat Fedde Schurer suggerearre,Rienk Wegener Sleeswyk en Lourens Oldersma, Rechterlijk Friesland 1811-1999: naamlijst leden rechterlijke macht, leden openbaar ministerie en griffiers (Hilversum 1999) 18-19; Jo Daan, ‘Sociodialectologie’, Mens en Maatschappij 38:6 (1963) 422-443, 438. en likemin as dat der ferbettering kaam mei de oanpassing fan de ûnderwiiswetten yn 2014, om’t it kabinet hiel dúdlik makke dat dy wizigingen Fryslân gjin foech joegen om eigen ûnderwiisbelied te meitsjen,Sander Dekker, ‘Wijziging van onder meer de Wet op het primair onderwijs, de Wet op het voortgezet onderwijs en de Wet op de expertisecentra in verband met het onderwijs in de Friese taal, Eerste Kamer, vergaderjaar 2013–2014, 33 618, C, Memorie van antwoord’, Krigen 11 april 2014, 2, 4; lykwols mei de provinsje Fryslân wol ûntheffingen foar ûnderwiis yn it Frysk jaan, dus ûntheffingen fan it ryksbelied, sûnder dat dêr in fiat fan de minister foar hoecht te kommen, wat delkomt op eigen provinsjaal belied. allikemin brocht de Wet gebrûk Fryske taal foarútgong. Ho, nee: de Wet gebrûk Fryske taal is âld nijs plus it wetlik ferankerjen fan de bestjoersôfspraak, ergo, dat it inkeld oer taal en kultuer giet leit no fêst. Mar ús hiemhûnen de Ried fan de Fryske Beweging, de Feriening Frysk Underwiis ensafuorthinne omearmken de saneamde Fryske taalwet.‘Ynternetkonsultaasje foar taalwet’, It Nijs, 26 maart 2011 <https://www.itnijs.frl/2011/03/ynternetkonsulaasje-taalwet/> [krigen 1 maaie 2017]; Feriening Frysk Underwiis, FFU-reaksje op ‘SP krijgt Fries stuk terug, 07-11-2012 (SW-LC)’, Swartboek: 2007-2014, 7 novimber 2011 <http://www.ffu-frl.eu/Mainframetaalkonflikten.htm> [krigen 1 maaie 2017]; ‘Oer ús’, Jongfryske Mienskip, g.d. <http://www.jongfryskemienskip.com/argyf/9-oer-us> [krigen 1 maaie 2017]. It Europeesk Buro foar Lytse Talen dêr’t alle hiemhûnen yn feriene binne lokwinske de minister fan Ynlânske Saken: “Komplimint dat de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer nei mear as 20 jier in wetlike ferankering krijt.”Europeesk Buro foar Lytse Talen, ‘Ynternetkonsultaasje Wet gebruik Friese taal’, Internetconsultatie/Overheid.nl, 25 maart 2011 <https://www.internetconsultatie.nl/wetfriesetaal/reactie/5341/bestand> [krigen 1 maaie 2017]. Se ha gjin war dien om ús—of harsels—te warskôgjen foar de ferrifelderij.

Lit stean dat yn 2001 ús bewegers har foardiel diene mei it momentum fan it ramtferdrach, de Haachske betizing oer wat in minderheid wie en de hânfêstferplichtingen, en op ’e barrikades klommen om de bestjoersôfspraak útwreide te krijen nei beskerming fan de Fryske minderheid. En as der út de hiemhûnkriten no noch ris stimmen opgean foar in minister foar Fryske saken, dan is dat klearebare symboalpolityk dêr’t ús keningshûs noch wat fan leare kin en dy’t ús goedbeskerme taal ferriket mei neologismen dy’t er net iens ha wol: beskermingsskrutelens, minderheidspine, bewegerssynisme!

Noaten

  1. ‘Burgemeester Van der Laan ontroerd door ‘magistraal aardige reacties’’, AD, 18 febrewaris 2017 <http://www.ad.nl/article/~a5e3acbc> [krigen 30 april 2017].
  2. Marc van Oostendorp, ‘“De grootste vijanden van het Fries zijn de gewone Friezen”: Het Fries en de Friese beweging in de 21ste eeuw’, Onze Taal 75:5 (2006) 211-214, te finen op <http://www.vanoostendorp.nl/linguist/fries21.html>.
  3. Hein Jaap Hilarides, De trekker fan Troje (De Gerdyk 2017).
  4. Bertus Mulder, De miskende taaiheid fan it Frysk (Ljouwert 2007) 31; sjoch bygelyks Ried fan de Fryske beweging, ‘Ried fan de Fryske Beweging skriuwt brief nei Opstelten, Ljouwert, 17 augustus 2010’ <www.fryskebeweging.frl/fryske-beweging/ried-fan-de-fryske-beweging-skriuwt-brief-nei-opstelten/> [krigen 30 april 2017]; sjoch fan de Jongfryske Mienskip bygelyks Chris van Hes, Takomst troch taalferskaat, Jongfryske Mienskip, g.d. <http://www.jongfryskemienskip.com/argyf/2-ongecategoriseerd/23-artikel-takomst-troch-taalferskaat> [krigen 30 april 2017].
  5. Yvonne Donders, ‘Invulling begrip ‘nationale minderheid’ struikelblok bij Nederlandse goedkeuring Kaderverdrag inzake de bescherming van nationale minderheden’, Nederlands Tijdschrift voor de Mensenrechten 27:2 (2002) 131-138.
  6. Roger van Boxtel, Jozias van Aartsen, Els Borst-Eilers, ‘Memorie van antwoord’, Kamerstuk 26389, 27 oktober 2000, 1 <https://www.eerstekamer.nl/9370000/1/j9vvhwtbnzpbzzc/vfqcal1xijwt/f=y.pdf> [krigen 30 april 2017].
  7. Roger van Boxtel, Jozias van Aartsen, Els Borst-Eilers, ‘Memorie van antwoord’, Kamerstuk 26389, 27 oktober 2000, 2 <https://www.eerstekamer.nl/9370000/1/j9vvhwtbnzpbzzc/vfqcal1xijwt/f=y.pdf> [krigen 30 april 2017].
  8. Ian Buruma, ‘The road to Babel’, Yn: Steven G. Kellman (red.), Switching languages: Translingual writers reflect on their craft (Lincoln / Londen 2003) 10: folksoerlevering, boarne sirka 1518, om ynfiltraasje yn it hierlingeleger tefoaren te kommen moasten alle hierlingen apart foar de hierlingelieder in Frysktalich wachtwurd útsprekke.
  9. Roger van Boxtel, Jozias van Aartsen, Els Borst-Eilers, ‘Memorie van antwoord’, Kamerstuk 26389, 27 oktober 2000, 2 <https://www.eerstekamer.nl/9370000/1/j9vvhwtbnzpbzzc/vfqcal1xijwt/f=y.pdf> [krigen 30 april 2017].
  10. Rita Verdonk, ‘Brief van de Minister voor Vreemdelingenzaken en Integratie’, Kamerstuk 26389 nr. 8, Den Haag, 16 december 2003 <https://zoek.officielebekendmakingen.nl/dossier/26389/kst-26389-8?resultIndex=9&sorttype=1&sortorder=4> [krigen 30 april 2017].
  11. Peter Hilpold, ‘The League of Nations and the protection of minorities – Rediscovering a great experiment’, Max Planck Yearbook of United Nations Law 17:1 (2013) 87-124, beskiber op <https://papers.ssrn.com/sol3/papers.cfm?abstract_id=2305920> 1-29, 5.
  12. Jennifer Jackson Preece, National minority rights enforcement in Europe: A difficult balancing act, The International Journal of Peace Studies 3:2 (1998) <http://www.gmu.edu/programs/icar/ijps/vol3_2/Preece.htm> [krigen 1 maaie 2017]; Clive Baldwin, Chris Chapman en Zoë Gray, ‘Minority rights: The key to conflict prevention’, Minority Rights Group International, 2007 <http://minorityrights.org/wp-content/uploads/old-site-downloads/download-174-Minority-Rights-The-Key-to-Conflict-Prevention.pdf> [krigen 1 maaie 2017].
  13. Peter Malanczuk, Akehurst’s modern introduction to international law, 7th revised edition (New York 1997) 105-107.
  14. Jennifer Jackson Preece, ‘What is a national minority?’, yn: id, National minorities and the European nation-state system (Oxford 1998) 14-29 (ek beskikber op <https//:doi.org/10.1093/acprof:oso/9780198294375.001.0001>).
  15. De definysje fan Francesco Capotorti, Feriene Naasjes spesjale rapporteur, giet: “A group numerically inferior to the rest of the population of a State, in a non-dominant position, whose members – being nationals of the State – possess ethnic, religious or linguistic characteristics differing from those of the rest of the population and show, if only implicitely, a sense of solidarity, directed towards preserving their culture, traditions, religion or language.” (Study on the rights of persons belonging to ethnic, religious and linguistic minorities, 1977, E/CN.4/Sub.2/384/Rev.1, para. 568).
  16. Hanno Krieger, ‘(Answer to) How can minority groups protect their culture and identity in the face of increasing globalisation?’, Research Gate <https://www.researchgate.net/post/How_can_minority_groups_protect_their_culture_and_identity_in_the_face_of_increasing_globalisation> [krigen 30 april 2017].
  17. Wesley Yin-Poole, ‘What does Brexit mean for the UK video games industry?’, Eurogamer.net, 24 juny 2016 <http://www.eurogamer.net/articles/2016-06-24-uk-game-industry-brexit> [krigen 27 april 2017].
  18. Theo Brinkel, ‘The status of indigenous and minority people in the Netherlands’, Electronic Journal of Comparative Law 6:4 (2002) <http://www.ejcl.org/64/art64-1.html> [krigen 30 april 2017].
  19. ‘Gemeenten lopen achter met Friese taal’, Friesch Dagblad, 3 desimber 2016 <http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=72280> [krigen 28 april 2017].
  20. Ronald Plasterk, ‘Kamerbrief over tussenevaluatie van de bestuursafspraken Friese taal en cultuur 2013-2018’, 2 desimber 2016 <https://www.rijksoverheid.nl/documenten/kamerstukken/2016/12/02/kamerbrief-over-tussenevaluatie-bestuursafspraken-friese-taal-en-cultuur> [krigen 30 april 2017].
  21. Ingrid Piller, ‘Herder: an explainer for linguists’, Language on the Move, 4 maart 2016 <http://www.languageonthemove.com/herder-an-explainer-for-linguists/> [krigen 1 maaie 2017].
  22. Council of Europe, ‘Explanatory report to the European Charter for Regional or Minority Languages (European Treaty Series - No. 148)’, Strasbourg, 5.XI.1992, Para. 11, 2 <https://rm.coe.int/CoERMPublicCommonSearchServices/DisplayDCTMContent?documentId=09000016800cb5e5> [krigen 1 maaie 2017].
  23. Xabier Arzoz, ‘The nature of language rights’, Journal on Ethnopolitics and Minority Issues in Europe 2 (2007) 1-35, 16.
  24. Xabier Arzoz, ‘The nature of language rights’, Journal on Ethnopolitics and Minority Issues in Europe 2 (2007) 1-35, 17.
  25. Bygelyks koe fan 1937 ôf al wat streektaal ûnderwiisd wurde op skoallen, sûnt 1980 is Frysk in ferplichte fak op de basisskoallen en sûnt 1993 ek op de middelbere skoallen. Kêst 1 Grûnwet is basearre op Aristoteles syn begjinsel dat gelikense gefallen gelyk behannele wurde moatte en ûngelikense ûngelyk.
  26. Theo Brinkel, ‘The status of indigenous and minority people in the Netherlands’, Electronic Journal of Comparative Law 6:4 (2002) <http://www.ejcl.org/64/art64-1.html> [krigen 30 april 2017].
  27. Bestuursafspraak Friese Taal en Cultuur 2001, 2 <https://www.rijksoverheid.nl/binaries/rijksoverheid/documenten/convenanten/2001/06/06/bestuursafspraak-friese-taal-en-cultuur/bestuursafspraak-friese-taal-6-01.pdf> [krigen 27 april 2017].
  28. Bestuursafspraak Friese taal en cultuur 2013-2018, 2 <https://www.rijksoverheid.nl/binaries/rijksoverheid/documenten/convenanten/2013/04/22/bestuursafspraak-friese-taal-en-cultuur-2013-2018/bestuursafspraak-friese-taal-en-cultuur-2013-2018.pdf> [krigen 27 april 2017].
  29. Sjoch bygelyks de list yn Jean-Pierre Liégeois, The Council of Europe and Roma: 40 years of action (Strasbourg 2012) 104-105.
  30. Meindert Fennema, ‘Hoe slecht was het Nederlandse minderhedenbeleid?’, Art.1 <http://www.art1.nl/artikel/3554-Hoe_slecht_was_het_Nederlandse_minderhedenbeleid> [1 maaie 2017].
  31. Floor Eelbode, ‘Political representation of ethnic minorities: A framework for a comparative an alysis of ethnic minority representation’. Paper foar de konferinsje “Politicologenetmaal”, Leuven 27-28 maaie 2010 <https://soc.kuleuven.be/web/files/11/72/W13-61.pdf> [krigen 1 maaie 2017]. Sjoch foar it ferskil tusken gelykheid en earlikheid op it mêd fan politike represintaasje fan minderheden bygelyks Susan A. Banducci and Jeffrey A. Karp, ‘Perceptions of fairness and support for proportional representation’, Political Behavior 21:3 (1999) 217-238.
  32. Deskriptive represintaasje stiet ommmers substantive represintaasje net yn it paad, sjoch Derek J. Fowler, Jennifer L. Merolla en Abbylin H. Sellers, The effects of dDescriptive representation on political attitudes and behaviors, Paper prepared for presentation at the Annual Meeting of the Western Political Science Association, Portland, Oregon, 22-24 maart 2012 <https://wpsa.research.pdx.edu/meet/2012/fowlermerollaandsellers.pdf> [krigen 1 maaie 2017].
  33. ‘Maar twee Friezen veroveren zetel in nieuwe Tweede Kamer’, Omrop Fryslân, 15 maart 2017 <http://www.omropfryslan.nl/nieuws/705935-maar-twee-friezen-veroveren-zetel-nieuwe-tweede-kamer> [krigen 1 maaie 2017].
  34. Yn moderne steaten wurde minderheidsrjochten beskerme ek as de mearderheid wol dat syn regear dat net docht, om’t der neist it prinsipe fan demokrasy oare belangrike prinsipes binne, sadat gûnwetten beheiningen oan de demokrasy oplizze. ‘Bestuurskundige Paul Frissen: Bescherming minderheid gaat voor macht meerderheid’, Tilburg University <https://www.tilburguniversity.edu/nl/actueel/nieuws/bescherming-minderheid-gaat-voor-macht-meerderheid-frissen-fd/> [krigen 30 april 2017].
  35. Raad van State, Advies W04.11.0416/I [oangeande it wetsútstel Wet gebruik Friese taal), Kamerstukken II 2011/12, 33 335, nr. 4, 19 novimber 2011, 2. De measte kêsten komme út de Wet algemien bestjoersrjocht, nammentlik ôfdieling 2.2 dy’t op 1 july 1995 yn wurking gie en dy’t it brûken fan ’e Fryske taal yn it bestjoerlik ferkear in wetlike basis joech; de doelgroepen van de Wet gebrûk Fryske taal binne, en beheine har ta: “Bestuursorganen en rechterlijke instanties die zijn gevestigd in de provincie Fryslân of de provincie Fryslân mede als werkgebied hebben en een ieder die in het contact met deze bestuursorganen of rechterlijke instanties gebruik wil maken van het Fries.” Sjoch ek Lidy Nicolasen, ‘‘Het Fries als officiële taal is eenverkiezingscadeau van het CDA’’, de Volkskrant, 2 maart 2011 <http://www.volkskrant.nl/archief/-het-fries-als-officiele-taal-is-eenverkiezingscadeau-van-het-cda~a1854169/> [krigen 1 maaie 2017].
  36. Rienk Wegener Sleeswyk en Lourens Oldersma, Rechterlijk Friesland 1811-1999: naamlijst leden rechterlijke macht, leden openbaar ministerie en griffiers (Hilversum 1999) 18-19; Jo Daan, ‘Sociodialectologie’, Mens en Maatschappij 38:6 (1963) 422-443, 438.
  37. Sander Dekker, ‘Wijziging van onder meer de Wet op het primair onderwijs, de Wet op het voortgezet onderwijs en de Wet op de expertisecentra in verband met het onderwijs in de Friese taal, Eerste Kamer, vergaderjaar 2013–2014, 33 618, C, Memorie van antwoord’, Krigen 11 april 2014, 2, 4; lykwols mei de provinsje Fryslân wol ûntheffingen foar ûnderwiis yn it Frysk jaan, dus ûntheffingen fan it ryksbelied, sûnder dat dêr in fiat fan de minister foar hoecht te kommen, wat delkomt op eigen provinsjaal belied.
  38. ‘Ynternetkonsultaasje foar taalwet’, It Nijs, 26 maart 2011 <https://www.itnijs.frl/2011/03/ynternetkonsulaasje-taalwet/> [krigen 1 maaie 2017]; Feriening Frysk Underwiis, FFU-reaksje op ‘SP krijgt Fries stuk terug, 07-11-2012 (SW-LC)’, Swartboek: 2007-2014, 7 novimber 2011 <http://www.ffu-frl.eu/Mainframetaalkonflikten.htm> [krigen 1 maaie 2017]; ‘Oer ús’, Jongfryske Mienskip, g.d. <http://www.jongfryskemienskip.com/argyf/9-oer-us> [krigen 1 maaie 2017].
  39. Europeesk Buro foar Lytse Talen, ‘Ynternetkonsultaasje Wet gebruik Friese taal’, Internetconsultatie/Overheid.nl, 25 maart 2011 <https://www.internetconsultatie.nl/wetfriesetaal/reactie/5341/bestand> [krigen 1 maaie 2017].

Foaropwurd

Fers2 nû. 3.8, 23 april 2017

Frysk kultuerbelied: filantrokapitalisme út ’e finzenis

image Fers2

Efterôf sjoen klonk it fan it iere begjin ôf sinister. De tarieding foar de kulturele haadstêd koste miljoenen en dat yn in tiid dat kulturele ynstellingen en bibleteken sletten.J. de Jager, ‘Reactie’, Friesch Dagblad, 7 septimber 2013 <http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=65256> [krigen 18 april 2017]. Troch it wedstriidmodel fan de kulturele haadstêdkandidatuur skeaten guon kandidaatstêden dêr flink by yn.Nieuwsbank, ‘SP vraagt om debat mislukken Culturele Hoofdstad’, Actueel Nieuws Nederland <http://www.actueelnieuwsnederland.nl/artikel/100003800/sp-vraagt-om-debat-mislukken-culturele-hoofdstad.html> [krigen 18 april 2017]. Likegoed ferslikt de provinsje him hast yn ’e goedpraterij:

In de periode 2009-2012 stond cultuurparticipatie hoog op de rijksagenda stond.Provinsje Fryslân, Grinzen oer: Integrale beleidsnota cultuur, taal en onderwijs, 2012, 46 <http://www.ensafh.nl/wp-content/uploads/2012/10/15-Integrale-nota-CTO.pdf>[krigen 18 april 2017].

Datselde sizze se no oer de provinsjale aginda:

Participatie is voor Leeuwarden en Fryslân een belangrijk thema. … De doelen uit het bidbook gaan, qua participatie, met name over het participeren aan/in culturele evenementen en instellingen, al dan niet door specifieke doelgroepen zoals mensen met een laag inkomen.Provinsje Fryslân, ‘Rapportage eerste nulmeting Monitoring & Evaluatie Leeuwarden-Fryslân 2018’, 17 juni 2015, 3 <http://www.2018.nl/download/nulmeting-monitoring-en-evaluatie-nl> [krigen 18 april 2017].

‘Doelen qua participatie’ betsjut dat der ek oare doelen yn it bid book stean. Dat mei fan de Europeeske Kommisje. Neist it kritearium ‘outreach’, nei alle potinsjele kultuerdielnimmers, binne der de kritearia fan ‘kulturele ynhâld’ en ‘Europeeske ferbining’. Mar dat Ljouwert de beneaming ta kulturele haadstêd wûn mei de oantekening dat it bid book ek útfierd wurde moast en net frijbliuwend wêze mocht, is ûntrêstigjend.Nynke Renders en Mayte Westerhof, ‘Leeuwarden culturele Hoofdstad 2018’, Profielwerkstuk Stedelijk Gymnasium Leeuwarden, oktober 2014, 14 <https://issuu.com/lctopwerkstukken/docs/pws_leeuwarden_culturele_hoofdstad_> [krigen 18 april 2017]. It wiist op it bestean fan hiel oare doelen, besiden it bid book, dy’t wy dus net kenne (ha wy al in Mienskipsprojekt ‘Iepen Doel’?). Bekend is dat de Europeeske Kommisje him net rjochtet op kultuertoerisme om’t se dat sjogge as moai meinommen ynstee fan in primêr doel; wat se wolle is omtinken foar pleatslik artistyk potinsjeel.ECOC Selection Panel / European Commission, ‘Selection of the European Capital of Culture in 2021 in a candidate country/potential candidate for EU membership: The Selection Panel’s report Pre-Selection Stage’, Brussel, jannewaris 2016, 5 et passim <https://ec.europa.eu/programmes/creative-europe/sites/creative-europe/files/files/ecoc-2021-candidates_en.pdf> [krigen 18 april 2017].

Al gau wurdt de toan grimmitiger:

We blijven het restaureren en herbestemmen van cultureel erfgoed ondersteunen, zodat het ook functioneel gebruikt kan worden en toegankelijk blijft voor een breed publiek. Op deze manier willen we cultuurtoerisme in Fryslân ook versterken.Provinsje Fryslân, ‘Coalitieakkoord: Cultuurdeelname’ <https://provinciale-begroting.frl/2017/coalitieakkoord/voor-een-vitaal-frysk-eigene/cultuurdeelname/> [krigen 18 april 2017].

Funksjoneel brûken kenne wy út de media as ‘sensible use of guns’, ‘sensible use of drugs’ en sels ‘sensible recreational drugs use’. Dat oerset net it brûken fan kultureel erfskip suggerearet dat de provinsje him twongen fielt ta normalisaasje. As riskant kultureel erfskipgebrûk net te kearen is, beskermje dan tsjin in fataal ferrin. Want sizze se, oars komme de toeristen net. Lykwols giet it jild nei festivals en eveneminten. Net in hiel soad, Amsterdam joech inkeld yn 2001 al hast tsien miljoen út oan festivals,Greg Richards en Robert Palmer, Eventful cities (Oxford, UK / Burlington, US 2010) 211. mar de provinsje is dúdlik net fan betinken dat de toeristen komme foar it kulturele erfskip.

We stellen extra € 560.000,- beschikbaar voor het Evenementenfonds en investeren € 440.000,- in festivals. Daarnaast investeren we totaal € 2,7 miljoen voor drie jaar in het samen met de gemeente Leeuwarden opgezette programmabureau en € 3,8 miljoen in de Blokhuispoort.Provinsje Fryslân, ‘Kulturele Haadstêd Ljouwert-Fryslân 2018’ <https://provinciale-begroting.frl/2016/coalitieakkoord/voor-een-vitaal-frysk-eigene/kulturele-haadsted-ljouwert-fryslan-2018/> [krigen 18 april 2017].

De Blokhúspoarte is de finzenis. Want dêr sit de kulturele haadstêdorganisaasje, yn ’e finzenis. Se hâlde der al in moai skoft ta, sa lang dat it tiidrek ferlykber is mei de strafmjitte foar swiere kriminaliteit. Kultuerpartisipaasje hat dêr syn eigen spesjale betsjutting:

Boost voor het bedrijfsleven

Durf, dromen en diversiteit. Dat is waar Leeuwarden-Fryslân 2018 voor staat. … Dit is de rode draad door de honderden projecten, festivals, culturele routes, concerten en evenementen in 2018. Deze ontwikkelingen brengen niet alleen de bezoekers en internationale aandacht naar Leeuwarden en Friesland, het geeft ook het Friese bedrijfsleven geweldige nieuwe kansen.Leeuwarden Fryslân 2018, ‘Club2018’, g.d <http://www.2018.nl/nl/club2018> [krigen 18 april 2017].

Derûnder stiet de faaie kop: “Winst”. Dy winst is der noch net, mar swetserij is it beslist net. De list prestaasjeyndikatoaren foar de kulturele haadstêd is tige ambisjeus. Dy begjint mei “60% of the children below the Dutch poverty line participate in events.”Provinsje Fryslân, ‘Brief Eenmeting Evaluatie & monitoring Leeuwarden/Fryslân 2018 en Voortgangsrapportage derde kwartaal 2016 van de stichting Kulturele Haadstêd 2018’, 12 desimber 2016, 7 <http://www.fryslan.frl/21255/ingekomen-stukken-week-50/files/04-brief ds eenmeting evaluatie en monitoring leeuwarden fryslân 2018 20161214.pdf> [krigen 18 april 2017]. Dat kin maklik in heal miljard bern wêze, dêr’t alle minuten wer in pear by berne wurde, yn húshâldens dy’t fan minder as tûzen euro de moanne libje moatte, en de finzenis moat noch avensearje ek want de like warbere Wrâldbank wol yn 2030 alle earmoed opheft ha.Jim Yong Kim, ‘Prosperity for all: Ending extreme poverty’, The World Bank, 10 april 2014 <http://www.worldbank.org/en/news/feature/2014/04/10/prosperity-for-all-ending-extreme-poverty> [krigen 18 april 2017]. Mar de yndikator jildt foar it doel:De wichtichste yndikatoaren, de 32 dêr’t it hjir oer giet, binne de key performance indicators oftewol KPI’s. In organisaasje hat yn ’e regel abstrakte langetermyndoelen, lykas maksimalisearjen fan shareholder value. Foar de deistige praktyk formulearje organisaasjes konkrete operasjonele doelstellingen, mei prestaasjeyndikatoaren dy’t sjen litte oft de organisaasje syn planning hellet. Oars sein, de KPI’s tsjinje de monitoring fan de fuortgong fan in organisaasje, want KPI’s litte sjen hoe’t de strategy is neffens de eindoelen. Foar it mjitten fan de KPI’s, dus de prestaasje op spesifike goals & targets, binne der allerhanne business metrics, lykas financial metrics en marketing metrics en de postmoderne Chief Executive Officer, Chief Operating Officer en Chief Financial Offcer is net folle mear as in beweitser fan spreadsheets en dashboards. Net sa it kulturele haadstêdmanagement; der is noch mar ien—iepenbier—monitoring report, fan 17 juny 2015, en dat is de nulmjitting. Oer fuortgong witte wy neat. “om 60% van de kinderen op Friese basisscholen (4-12 jaar) die onder de armoedegrens leven te laten deelnemen aan de culturele evenementen in 2018.”Stichting Leeuwarden - Fryslân 2018, ‘Rapportage eerste nulmeting Monitoring & Evaluatie Leeuwarden-Fryslân 2018’, Leeuwarden - Fryslân 2018, 17 juni 2015, 6 <http://www.2018.nl/download/nulmeting-monitoring-en-evaluatie-nl> [krigen 18 april 2017]. Oooh. Dat de bibleteken wer allegearre iepen foar tolve moannen is genôch. En dat kin gewoan yn ien fan de 1200 Mienskipsprojekten fia it Mienskipsloket (ha wy al in mienskipsprojekt ‘Iepen Boek’?), dy’t it foardiel hawwe dat se gau wer ôfrûn binne en gjin effektmjitting kenne—stel de bibleteek soe súksesfol blike. Boppedat seit de k.haadstêdorganisaasje:

Achterliggende gedachte achter dit doel is het stimuleren van competenties creativiteit en innovatie bij kinderen, om daarmee beter aan te sluiten bij de nieuwe werkgelegenheid van Leeuwarden. … Door deze activatie kunnen we de doelgroep beter bereiken en talenten vroegtijdig ontdekken.Stichting Leeuwarden - Fryslân 2018, ‘Rapportage eerste nulmeting Monitoring & Evaluatie Leeuwarden-Fryslân 2018’, Leeuwarden - Fryslân 2018, 17 juni 2015, 6 <http://www.2018.nl/download/nulmeting-monitoring-en-evaluatie-nl> [krigen 18 april 2017].

Dan komme dizze yndikatoaren:

  1. 4. 4 million visitors in 2018 and
  2. 4a. 5% increase of tourisme each year between 2015-2023
  3. 5. 79 million euro income through visitors
  4. 6. 90% of visitors state that they would [sicWill = takomst, winsk, ûnthjitten; would = hypoteze, earder fantasy as wier, ‘for politeness’ (sjoch British Council, English grammar).] come back
  5. 7. improved tourism, especially culture tourism and experience tourismProvinsje Fryslân, ‘Brief Eenmeting Evaluatie & monitoring Leeuwarden/Fryslân 2018 en Voortgangsrapportage derde kwartaal 2016 van de stichting Kulturele Haadstêd 2018’, 12 desimber 2016, 7 <http://www.fryslan.frl/21255/ingekomen-stukken-week-50/files/04-brief ds eenmeting evaluatie en monitoring leeuwarden fryslân 2018 20161214.pdf> [krigen 18 april 2017].

Mei as ien fan ’e doelen: “De culturele hoofdstad moet een structurele impuls geven aan toerisme, dat één van de grootste economische sectoren is van Fryslân.”Stichting Leeuwarden - Fryslân 2018, ‘Rapportage eerste nulmeting Monitoring & Evaluatie Leeuwarden-Fryslân 2018’, Leeuwarden - Fryslân 2018, 17 juni 2015, 8 <http://www.2018.nl/download/nulmeting-monitoring-en-evaluatie-nl> [krigen 18 april 2017]. Soene se net ‘bliuwend effekt’ bedoele? Want in struktureel effekt is in gefolch fan in struktuer fan benammen de ekonomy. Lykas strukturele wurkleazens, dêr’t Ljouwert mei sit om’t it it “groeiperspektief [van] melkveehouderij, de akkerbouw en de food industrie” mist,ING Economisch Bureau, Regio's in 2016, desimber 2015, 16 <http://www.utrecht-monitor.nl/sites/www.utrecht-monitor.nl/files/documenten/regios_in_2016._2016_ing.pdf> [krigen 18 april 2017]. want dat ha jo no ienris mei haadstêden sa’t Reinder Brolsma 77 jier lyn al opmurk: der is dêr gjin grûn foar warbere bodders.“[A]s de kluten jit skier binne, mar it earste gewrimel wer oanfangt fan de trouwe warbere bodders op dizze grûn? ... hja hiene mar yn de lege weinen te stappen en soene fergees meinaam wurde nei de haadstêd ta en werom. ... Dochs wie it net ferfeelsum, want der lei in geweldich stik fan it moaiste âlde Fryslân ta eachweid om har hinne, jit djipper fan bestjutting foar wa’t de lannen en pleatsen skôgje koe ... ’t Wie dêr o, ûneinich folle libbener as ... yn hokfoar grutte stêd ek.” Reinder Brolsma, Grûn en minsken [1940] (Ljouwert 1995) 215-217. Dêrfandinne dat se it hjirboppe hawwe oer de ‘nije wurkgelegenheid’. Mar is de kulturele haadstêd in struktuer, is it it skelet fan Fryslân dat as in pudding yninoar sakje soe as it net 3,8 miljoen nei de finzenis brocht?

Pleatslike festivals wurde hieltyd mear ynset as middel om it toerisme fuort te sterkjen en de ekonomy oan te jeien. Oermjittich ûndersyk nei ‘community festivals’ en har effekt hat yndie in stikmannich ideeën nei foaren brocht oer hoe’t befolkingsgroepen har imago fuortsterkje kinne en ekonomyske of sosjale foarútgong berikke en nije kulturele kânsen kweekje of âlde kultueruteringen fersterkje.Malcolm J.M. Cooper, ‘Yag’ubi: A transforming event that flowered and died’, yn: Omar Moufakkir en Tomas Pernecky (red.), Ideological, social and cultural aspects of events (Wallingford, UK / Boston, US 2015) 110-123, 114. De research hat meast rjochte west op de ekonomyske wearde foar de regio, de motivaasje fan besikers om nei festivals ta te gean, of op festivals as cultural commodification.Donald Getz, ‘The nature and scope of festival studies’, International Journal of Event Management Research 5:1 (2010) 1-47, 6, 9, 10 <http://www.ijemr.org/wp-content/uploads/2014/10/Getz.pdf> [krigen 18 april 2017]. Mar it ûndersyk lit net sjen hoe’t events en festivals it bêste de hiele pleatslike befolking fertsjintwurdigje kinne. In soad ûndersikers bestride dat pleatslike mienskippen in essinsjele rol spylje yn ’e ûntjouwing fan toerisme troch festivalsSjoch bygelyks Donald Getz, Event management & event tourism (Putnam Valley, NY 1997) 1 et passim.—en mei kultuer hat it ek neat te meitsjen want de belangrykste pull factors op in festival binne atmosfear, iten en drinken en ferdivedaasje.Tina Buch, Simon Milne en Geoff Dickson, ‘Multiple stakeholder perspectives on cultural events: Auckland’s Pasifika Festival’, yn: Larry Dwyer en Eugenia Wickens (red.), Event tourism and cultural tourism: Issues and debates (Abingdon, UK / New York 2013) 73-90, 78. Event tourism-ekspert Donald Getz seit:

Festival tourism is essentially instrumentalist, treating festivals as tools in tourism and economic development, or in place marketing and the selling of attractions and venues. Although arts and tourism linkages have been advocated by many, and certainly exist with regard to festivals, concerts and staged performances, there will always remain tension between these sectors. Looking ahead to the structured literature review, it can be seen that tourism is a theme running through all the elements of the framework. But it is most prevalent in the literature concerning outcomes (i.e. economic impacts) and motivations, marketing and evaluation, with many of these articles being published in mainstream tourism journals.Donald Getz, ‘The nature and scope of festival studies’, International Journal of Event Management Research 5:1 (2010) 1-47, 5 <http://www.ijemr.org/wp-content/uploads/2014/10/Getz.pdf> [krigen 18 april 2017].

Foar de bewearing dat festivals toerisme-oanwakkerders binne liket ek wol wat stipe te wêzen. Mar earst doge de roaiïngen fan de opbringst—it bedrach dat de besiker útjout—faak net, benammen om’t net sjoen wurdt nei wat de útjeften fan toeristen west hiene sûnder de festivals, sadat dûbel telt wurdt.Daniel Felsenstein en Aliza Fleischer, ‘Local festivals and tourism promotion: The role of public assistance and visitor expenditure’, Journal of Travel Research 41 (2003) 385-392, 391 <http://citeseerx.ist.psu.edu/viewdoc/download?doi=10.1.1.559.958&rep=rep1&type=pdf> [krigen 18 april 2017]. Wol is in ekonomyske effektanalyse fan in ôfbeakene projekt as in festival, dus in simpel cash flow-berekkenjen, goed te dwaan en kin neffens ûndersyk, mits “[w]ell conducted, with due regard for economic and statistical rigour”, hiel nuttich wêze,

However the pitfalls are many, as has been documented in the literature. … it seems that poorly-executed studies are particularly likely to arise when the motive is advocacy rather than objective economic analysis.David Throsby, ‘Assessing the impact of the cultural industry’, Paper presented at conference on Lasting Effects: Assessing the Future of Economic Impact Analysis organized by the Cultural Policy Center, University of Chicago, and held at the Pocantico Conference Center, Tarrytown, NY, on 12-14 May 2004, 1 <https://culturalpolicy.uchicago.edu/sites/culturalpolicy.uchicago.edu/files/Throsby2.pdf>

Twad giet der nettsjinsteande de lytse winst dy’t festivals jaan kinne safolle subsydzje hinne fan oerheden dy’t festivals sjogge as in beskiedende faktor yn regiotoerisme, dat oare effekten dat bedrach rjochtfeardigje moatte. Dat oare effekt soe de imagoferbettering fan de stêd of de regio wêze, troch it festival, en it bettere byld fan stêd of regio soe mear toeristen bringe.Daniel Felsenstein en Aliza Fleischer, ‘Local festivals and tourism promotion: The role of public assistance and visitor expenditure’, Journal of Travel Research 41 (2003) 385-392, 391 <http://citeseerx.ist.psu.edu/viewdoc/download?doi=10.1.1.559.958&rep=rep1&type=pdf> [krigen 18 april 2017]. Plakmarketing hat altyd gearkomsten en events brûkt.Donald Getz en Stephen J. Page, ‘Progress and prospects for event tourism research’, Tourism Management 52 (2016) 593-631, 594. ‘Sense of place’ bygelyks bestiet net sûnder organisearre ding derom hinne dat jo dy ‘sense’ jout; gewoan allinne op ’e fyts by de Swette lâns sille jo fan ‘sense’ gjin lêst ha.Yi-Fu Tuan, ‘Rootedness versus sense of place’, Landscape 24 (1980) 3-8; Gerard Kyle en Garry Chick, ‘The social construction of a sense of place’, Leisure Sciences 29 (2007) 209-225. Plakmarketing is betocht yn ’e njoggentjinde ieu, net troch it Genootschap, mar de Historische Tentoonstelling van Friesland dy’t hja yn 1877 út eigen bûse organisearren smiet wol 17.000 gûne op, sa’n gigantyske opbringst foar in wittenskiplik barren dat it net oannimlik is dat wittenskip it hiele doel wie, mei winst as tafallich byeffekt,Ut petear mei Philippus Breuker, maart 2017: it hie it doel fan Fryslânpromoasje. mar dat it likegoed de Fryske Akademy no noch de eagen útstekt.

image Fers2

Lykwols is de hjoeddeiske boosterism mei populêre festivals, want toeristen komme foar populêre festivals en net foar it yntellektuele oanbod,Cintia Taylor, ‘Dutch government to slash culture subsidies’, DW, 20 july 2011 <http://www.dw.com/en/dutch-government-to-slash-culture-subsidies/a-15250187-1> [krigen 18 april 2017]. gjin goed ekskús foar alle iepenbiere sinten, salang’t de winst fan festivals lyts is. Dat dy net grutter is leit mei oan ’e oanbesteging fan festivalaspekten. Partijen fan bûten de regio, lykas ‘ynternasjonale’ leveransiers fan kulturele haadstêdprodukten en -tsjinsten, nimme de winst mei nei hûs—mar fan Abramović dy’t har jild dalik oerboekt hie nei Ulay yn Ljubljana, binne wy moai ôf. Boppedat moatte besikers oantrúnd wurde om jild út te jaan, bygelyks, sa lit ûndersyk sjen, mei in nei-festivalomreis troch de regio.Daniel Felsenstein en Aliza Fleischer, ‘Local festivals and tourism promotion: The role of public assistance and visitor expenditure’, Journal of Travel Research 41 (2003) 385-392, 391 <http://citeseerx.ist.psu.edu/viewdoc/download?doi=10.1.1.559.958&rep=rep1&type=pdf> [krigen 18 april 2017]. Dus moat de reis Ljouwert-Ofslútdyk sa lang mooglik wêze en fol brêgen mei allerhanne fasiliteiten derneist (ha wy al in Mienskipsprojekt ‘Iepen Brêge’ c.q. ‘Iepen Beurs’?), want oars ferdwynt de besikersbesteging yn bygelyks Amsterdam en hat alle Fryske oerheidsstipe fergees west.

image Fers2

Ekonomysk sjoen is de kultueryndustry, dêr’t it festival ûnder falt, ien fan ’e hurdst groeiende sektoaren fan ’e wrâldekonomy. De toerismeyndustry is in kommersjele organisaasje, dy’t lykas alle ûndernimmers yn haadsaak ynteressearre is yn de finansjele opbringsten fan in festival, dus net yn net-merkfaktoaren as byldfoarming—om ‘identiteit’ gnize se meilydsum—mar yn hoe wierskynlik oft it is dat in festival winst jaan sil.M. van Niekerk en W.J.L. Coetzee, ‘Utilizing the VICE model for the sustainable development of the Innibos Arts Festival’, yn: Larry Dwyer en Eugenia Wickens (red.), Event tourism and cultural tourism: Issues and debates (Abingdon, UK / New York 2013) 109-127, 114. Is dat net sa dan begjint de toerismeyndustry der net oan. De winst streamt werom nei de private organisaasje en syn oandielhâlders en, as alles goed giet, draacht it festival ek in lyts bytsje by oan de ekonomyske ûntjouwing fan ’e regio.Sjoch bygelyks Cecilia Chirieleison, Alessandro Montrone en Luca Scrucca, ‘Measuring the impact of a profit-oriented event on tourism: The Eurochocolate Festival in Perugia, Italy’, Tourism Economics 19:6 (2013) 1411-1428. Nuver is dat dat lêste gewoanlik de reden dat oerheden meisubsidiearje, ek al rêde festivals har op ’e frije merk.Steven Globerman, Cultural regulation in Canada (Montreal 1983) xx-xxi.

image Fers2

Wis, kultuerpromoasje is needsaaklik foar sosjaal oerlibjen en steatsyntervinsje is nedich om it oerlibjen fan artistike merken te garandearjen. Dêrom krige Lowlands, dat royaal oerlibbet, earder dochs in kromke oerheidssubsydzje, foar de ‘high culture acts’.‘Hoe Lowlands geld verdient’, Business Insider Nederland, 21 augustus 2009 <https://www.businessinsider.nl/hoe-lowlands-geld-verdient/>; Eric van Eerdenburg, ‘Lowlands-directeur: Brussen, hou toch op met je gelul!’, de Volkskrant, 30 augustus 2011 <http://www.volkskrant.nl/muziek/lowlands-directeur-brussen-hou-toch-op-met-je-gelul~a2877362/> [krigen 18 april 2017]. Mar it giet yn Fryslân net om kwetsbere keunst. Tsjêbbe Hettinga is knap dien, luts folle sealen, mar it is fier fan artistyk útdaagjend,Ut persoanlik petear mei Chretien Breukers, 14 april 2017. en dat makket it just ta in geskikte ikoan foar regio-branding, wat ommers wurket troch it breed dielen fan it positive ferhaal mei easy slogans.Lykas de gjalp: “De blinde dichter uit Burgwerd betoverde de Nederlandse literatuur met zijn Friese poëzie” yn Kirsten van Santen, ‘De wereld galmt in Hettinga’s poëzie’, Leeuwarder Courant, 21 april 2017 <https://www.lc.nl/cultuur/De-wereld-galmt-in-Hettinga%E2%80%99s-po%C3%ABzie-22156588.html> [krigen 21 april 2017]. Sjoch foar regio-ikonisearring George H. Lewis, ‘The Maine that never was: The construction of popular myth in regional culture’, Joumal of American Culture 16:2 (1993) 91-100, <https://dll.umaine.edu/welcome/wom/lewis.htm> [krigen 18 april 2017]. Sjoch foar konvinsjonaliteit/banaliteit en ikonisearring Camille Paglia, ‘Lady Gaga and the death of sex’, The Times, 12 septimber 2010 <https://www.thetimes.co.uk/article/lady-gaga-and-the-death-of-sex-lnzbcd70zj3> [krigen 18 april 2017]. It giet Fryslân net om de ‘hege’ keunst dêr’t altyd wer jild by moat, want ús Fryske frijmerk hjit quid pro guo; it giet om kommersjele mainstream ferdivedaasje dy’t himsels betellet út besikersútjeften. Dus wêrom oerheidssubsydzje (ha wy al in Mienskipsprojekt ‘Iepen Fraach’?)? Bliken docht dat de measte arguminten foar oerheidsyngripen yn kulturele aktiviteiten dizich of tautologysk binne, wat it dreech makket om de arguminten te hifkjen.Steven Globerman, Cultural regulation in Canada (Montreal 1983) xx-xxi.

Kultuerbelied yn syn gehiel is sa ûntrochsichtich as wat. In resint Britsk rapport freget de oerheid mei klam om systematisearjen en publisearjen fan sifers—keale sifers, gjin ‘analyses’—oer de kultueryndustry. Want dat kin it heechnedige debat op gong bringe oer wrâldwiid prangjende kwestjes, lykas wat de oerheid wol en net erkent as it mêd fan de kultuersektor, foar wa is it kultuerbelied makke en wa makket it, wat jildt as kultuerpartisipaasje, en wat is de ferhâlding fan kulturele ekonomy, dus it suver materiële aspekt lykas copyrightbeskerming, ta kulturele yndustry, de sosjale kant fan kultuerproduksje en -kommersjalisearring.Hasan Bakhshi en Stuart Cunningham, ‘Cultural policy in the time of the creative industries’, Nesta, 14 juny 2016, 4 <http://www.nesta.org.uk/sites/default/files/cultural_policy_in_the_time_of_the_creative_industries_.pdf> [krigen 18 april 2017]. De kulturele haadstêdorganisaasje moat neffens de provinsje fjouwer kear it jier—wy tinke dat se bedoele fan moai ferspraat: alle trije moannen—de fuortgong rapportearje oan Deputearre Steaten en B&W fan Ljouwert.Provinsje Fryslân, ‘Brief Eenmeting Evaluatie & monitoring Leeuwarden/Fryslân 2018 en Voortgangsrapportage derde kwartaal 2016 van de stichting Kulturele Haadstêd 2018’, 12 desimber 2016, 1 <http://www.fryslan.frl/21255/ingekomen-stukken-week-50/files/04-brief ds eenmeting evaluatie en monitoring leeuwarden fryslân 2018 20161214.pdf> [krigen 18 april 2017]. Mar de ienmjitting fan 12 december 2016 hat de k.haadstêdorganisaasje net iepenbier makke; de iennichste publisearre fuortgongsrapportaazje is fan 17 juny 2015 en dat is in nulmjitting. Dat it is wer sa fier: wy witte neat! (ha wy al in Mienskipsprojekt ‘Iepen Doar’?)

Noaten

  1. J. de Jager, ‘Reactie’, Friesch Dagblad, 7 septimber 2013 <http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=65256> [krigen 18 april 2017].
  2. Nieuwsbank, ‘SP vraagt om debat mislukken Culturele Hoofdstad’, Actueel Nieuws Nederland <http://www.actueelnieuwsnederland.nl/artikel/100003800/sp-vraagt-om-debat-mislukken-culturele-hoofdstad.html> [krigen 18 april 2017].
  3. Provinsje Fryslân, Grinzen oer: Integrale beleidsnota cultuur, taal en onderwijs, 2012, 46 <http://www.ensafh.nl/wp-content/uploads/2012/10/15-Integrale-nota-CTO.pdf>[krigen 18 april 2017].
  4. Provinsje Fryslân, ‘Rapportage eerste nulmeting Monitoring & Evaluatie Leeuwarden-Fryslân 2018’, 17 juni 2015, 3 <http://www.2018.nl/download/nulmeting-monitoring-en-evaluatie-nl> [krigen 18 april 2017].
  5. Nynke Renders en Mayte Westerhof, ‘Leeuwarden culturele Hoofdstad 2018’, Profielwerkstuk Stedelijk Gymnasium Leeuwarden, oktober 2014, 14 <https://issuu.com/lctopwerkstukken/docs/pws_leeuwarden_culturele_hoofdstad_> [krigen 18 april 2017].
  6. ECOC Selection Panel / European Commission, ‘Selection of the European Capital of Culture in 2021 in a candidate country/potential candidate for EU membership: The Selection Panel’s report Pre-Selection Stage’, Brussel, jannewaris 2016, 5 et passim <https://ec.europa.eu/programmes/creative-europe/sites/creative-europe/files/files/ecoc-2021-candidates_en.pdf> [krigen 18 april 2017].
  7. Provinsje Fryslân, ‘Coalitieakkoord: Cultuurdeelname’ <https://provinciale-begroting.frl/2017/coalitieakkoord/voor-een-vitaal-frysk-eigene/cultuurdeelname/> [krigen 18 april 2017].
  8. Greg Richards en Robert Palmer, Eventful cities (Oxford, UK / Burlington, US 2010) 211.
  9. Provinsje Fryslân, ‘Kulturele Haadstêd Ljouwert-Fryslân 2018’ <https://provinciale-begroting.frl/2016/coalitieakkoord/voor-een-vitaal-frysk-eigene/kulturele-haadsted-ljouwert-fryslan-2018/> [krigen 18 april 2017].
  10. Leeuwarden Fryslân 2018, ‘Club2018’, g.d <http://www.2018.nl/nl/club2018> [krigen 18 april 2017].
  11. Provinsje Fryslân, ‘Brief Eenmeting Evaluatie & monitoring Leeuwarden/Fryslân 2018 en Voortgangsrapportage derde kwartaal 2016 van de stichting Kulturele Haadstêd 2018’, 12 desimber 2016, 7 <http://www.fryslan.frl/21255/ingekomen-stukken-week-50/files/04-brief ds eenmeting evaluatie en monitoring leeuwarden fryslân 2018 20161214.pdf> [krigen 18 april 2017].
  12. Jim Yong Kim, ‘Prosperity for all: Ending extreme poverty’, The World Bank, 10 april 2014 <http://www.worldbank.org/en/news/feature/2014/04/10/prosperity-for-all-ending-extreme-poverty> [krigen 18 april 2017].
  13. De wichtichste yndikatoaren, de 32 dêr’t it hjir oer giet, binne de key performance indicators oftewol KPI’s. In organisaasje hat yn ’e regel abstrakte langetermyndoelen, lykas maksimalisearjen fan shareholder value. Foar de deistige praktyk formulearje organisaasjes konkrete operasjonele doelstellingen, mei prestaasjeyndikatoaren dy’t sjen litte oft de organisaasje syn planning hellet. Oars sein, de KPI’s tsjinje de monitoring fan de fuortgong fan in organisaasje, want KPI’s litte sjen hoe’t de strategy is neffens de eindoelen. Foar it mjitten fan de KPI’s, dus de prestaasje op spesifike goals & targets, binne der allerhanne business metrics, lykas financial metrics en marketing metrics en de postmoderne Chief Executive Officer, Chief Operating Officer en Chief Financial Offcer is net folle mear as in beweitser fan spreadsheets en dashboards. Net sa it kulturele haadstêdmanagement; der is noch mar ien—iepenbier—monitoring report, fan 17 juny 2015, en dat is de nulmjitting. Oer fuortgong witte wy neat.
  14. Stichting Leeuwarden - Fryslân 2018, ‘Rapportage eerste nulmeting Monitoring & Evaluatie Leeuwarden-Fryslân 2018’, Leeuwarden - Fryslân 2018, 17 juni 2015, 6 <http://www.2018.nl/download/nulmeting-monitoring-en-evaluatie-nl> [krigen 18 april 2017].
  15. Stichting Leeuwarden - Fryslân 2018, ‘Rapportage eerste nulmeting Monitoring & Evaluatie Leeuwarden-Fryslân 2018’, Leeuwarden - Fryslân 2018, 17 juni 2015, 6 <http://www.2018.nl/download/nulmeting-monitoring-en-evaluatie-nl> [krigen 18 april 2017].
  16. Will = takomst, winsk, ûnthjitten; would = hypoteze, earder fantasy as wier, ‘for politeness’ (sjoch British Council, English grammar).
  17. Provinsje Fryslân, ‘Brief Eenmeting Evaluatie & monitoring Leeuwarden/Fryslân 2018 en Voortgangsrapportage derde kwartaal 2016 van de stichting Kulturele Haadstêd 2018’, 12 desimber 2016, 7 <http://www.fryslan.frl/21255/ingekomen-stukken-week-50/files/04-brief ds eenmeting evaluatie en monitoring leeuwarden fryslân 2018 20161214.pdf> [krigen 18 april 2017].
  18. Stichting Leeuwarden - Fryslân 2018, ‘Rapportage eerste nulmeting Monitoring & Evaluatie Leeuwarden-Fryslân 2018’, Leeuwarden - Fryslân 2018, 17 juni 2015, 8 <http://www.2018.nl/download/nulmeting-monitoring-en-evaluatie-nl> [krigen 18 april 2017].
  19. ING Economisch Bureau, Regio's in 2016, desimber 2015, 16 <http://www.utrecht-monitor.nl/sites/www.utrecht-monitor.nl/files/documenten/regios_in_2016._2016_ing.pdf> [krigen 18 april 2017].
  20. “[A]s de kluten jit skier binne, mar it earste gewrimel wer oanfangt fan de trouwe warbere bodders op dizze grûn? … hja hiene mar yn de lege weinen te stappen en soene fergees meinaam wurde nei de haadstêd ta en werom. … Dochs wie it net ferfeelsum, want der lei in geweldich stik fan it moaiste âlde Fryslân ta eachweid om har hinne, jit djipper fan bestjutting foar wa’t de lannen en pleatsen skôgje koe … ’t Wie dêr o, ûneinich folle libbener as … yn hokfoar grutte stêd ek.” Reinder Brolsma, Grûn en minsken [1940] (Ljouwert 1995) 215-217.
  21. Malcolm J.M. Cooper, ‘Yag’ubi: A transforming event that flowered and died’, yn: Omar Moufakkir en Tomas Pernecky (red.), Ideological, social and cultural aspects of events (Wallingford, UK / Boston, US 2015) 110-123, 114.
  22. Donald Getz, ‘The nature and scope of festival studies’, International Journal of Event Management Research 5:1 (2010) 1-47, 6, 9, 10 <http://www.ijemr.org/wp-content/uploads/2014/10/Getz.pdf> [krigen 18 april 2017].
  23. Sjoch bygelyks Donald Getz, Event management & event tourism (Putnam Valley, NY 1997) 1 et passim.
  24. Tina Buch, Simon Milne en Geoff Dickson, ‘Multiple stakeholder perspectives on cultural events: Auckland’s Pasifika Festival’, yn: Larry Dwyer en Eugenia Wickens (red.), Event tourism and cultural tourism: Issues and debates (Abingdon, UK / New York 2013) 73-90, 78.
  25. Donald Getz, ‘The nature and scope of festival studies’, International Journal of Event Management Research 5:1 (2010) 1-47, 5 <http://www.ijemr.org/wp-content/uploads/2014/10/Getz.pdf> [krigen 18 april 2017].
  26. Daniel Felsenstein en Aliza Fleischer, ‘Local festivals and tourism promotion: The role of public assistance and visitor expenditure’, Journal of Travel Research 41 (2003) 385-392, 391 <http://citeseerx.ist.psu.edu/viewdoc/download?doi=10.1.1.559.958&rep=rep1&type=pdf> [krigen 18 april 2017].
  27. David Throsby, ‘Assessing the impact of the cultural industry’, Paper presented at conference on Lasting Effects: Assessing the Future of Economic Impact Analysis organized by the Cultural Policy Center, University of Chicago, and held at the Pocantico Conference Center, Tarrytown, NY, on 12-14 May 2004, 1 <https://culturalpolicy.uchicago.edu/sites/culturalpolicy.uchicago.edu/files/Throsby2.pdf>
  28. Daniel Felsenstein en Aliza Fleischer, ‘Local festivals and tourism promotion: The role of public assistance and visitor expenditure’, Journal of Travel Research 41 (2003) 385-392, 391 <http://citeseerx.ist.psu.edu/viewdoc/download?doi=10.1.1.559.958&rep=rep1&type=pdf> [krigen 18 april 2017].
  29. Donald Getz en Stephen J. Page, ‘Progress and prospects for event tourism research’, Tourism Management 52 (2016) 593-631, 594.
  30. Yi-Fu Tuan, ‘Rootedness versus sense of place’, Landscape 24 (1980) 3-8; Gerard Kyle en Garry Chick, ‘The social construction of a sense of place’, Leisure Sciences 29 (2007) 209-225.
  31. Ut petear mei Philippus Breuker, maart 2017: it hie it doel fan Fryslânpromoasje.
  32. Cintia Taylor, ‘Dutch government to slash culture subsidies’, DW, 20 july 2011 <http://www.dw.com/en/dutch-government-to-slash-culture-subsidies/a-15250187-1> [krigen 18 april 2017].
  33. Daniel Felsenstein en Aliza Fleischer, ‘Local festivals and tourism promotion: The role of public assistance and visitor expenditure’, Journal of Travel Research 41 (2003) 385-392, 391 <http://citeseerx.ist.psu.edu/viewdoc/download?doi=10.1.1.559.958&rep=rep1&type=pdf> [krigen 18 april 2017].
  34. M. van Niekerk en W.J.L. Coetzee, ‘Utilizing the VICE model for the sustainable development of the Innibos Arts Festival’, yn: Larry Dwyer en Eugenia Wickens (red.), Event tourism and cultural tourism: Issues and debates (Abingdon, UK / New York 2013) 109-127, 114.
  35. Sjoch bygelyks Cecilia Chirieleison, Alessandro Montrone en Luca Scrucca, ‘Measuring the impact of a profit-oriented event on tourism: The Eurochocolate Festival in Perugia, Italy’, Tourism Economics 19:6 (2013) 1411-1428.
  36. Steven Globerman, Cultural regulation in Canada (Montreal 1983) xx-xxi.
  37. ‘Hoe Lowlands geld verdient’, Business Insider Nederland, 21 augustus 2009 <https://www.businessinsider.nl/hoe-lowlands-geld-verdient/>; Eric van Eerdenburg, ‘Lowlands-directeur: Brussen, hou toch op met je gelul!’, de Volkskrant, 30 augustus 2011 <http://www.volkskrant.nl/muziek/lowlands-directeur-brussen-hou-toch-op-met-je-gelul~a2877362/> [krigen 18 april 2017].
  38. Ut persoanlik petear mei Chretien Breukers, 14 april 2017.
  39. Lykas de gjalp: “De blinde dichter uit Burgwerd betoverde de Nederlandse literatuur met zijn Friese poëzie” yn Kirsten van Santen, ‘De wereld galmt in Hettinga’s poëzie’, Leeuwarder Courant, 21 april 2017 <https://www.lc.nl/cultuur/De-wereld-galmt-in-Hettinga%E2%80%99s-po%C3%ABzie-22156588.html> [krigen 21 april 2017]. Sjoch foar regio-ikonisearring George H. Lewis, ‘The Maine that never was: The construction of popular myth in regional culture’, Joumal of American Culture 16:2 (1993) 91-100, <https://dll.umaine.edu/welcome/wom/lewis.htm> [krigen 18 april 2017]. Sjoch foar konvinsjonaliteit/banaliteit en ikonisearring Camille Paglia, ‘Lady Gaga and the death of sex’, The Times, 12 septimber 2010 <https://www.thetimes.co.uk/article/lady-gaga-and-the-death-of-sex-lnzbcd70zj3> [krigen 18 april 2017].
  40. Steven Globerman, Cultural regulation in Canada (Montreal 1983) xx-xxi.
  41. Hasan Bakhshi en Stuart Cunningham, ‘Cultural policy in the time of the creative industries’, Nesta, 14 juny 2016, 4 <http://www.nesta.org.uk/sites/default/files/cultural_policy_in_the_time_of_the_creative_industries_.pdf> [krigen 18 april 2017].
  42. Provinsje Fryslân, ‘Brief Eenmeting Evaluatie & monitoring Leeuwarden/Fryslân 2018 en Voortgangsrapportage derde kwartaal 2016 van de stichting Kulturele Haadstêd 2018’, 12 desimber 2016, 1 <http://www.fryslan.frl/21255/ingekomen-stukken-week-50/files/04-brief ds eenmeting evaluatie en monitoring leeuwarden fryslân 2018 20161214.pdf> [krigen 18 april 2017].

Foaropwurd

Fers2 nû. 3.7, 9 april 2017

De privatisearring fan ’e provinsje

image Fers2

Post út it provinsjehûs. Se hiene in Te Gast yn ’e Ljouwerter Krante lêzen, oer dat de provinsje leaver regearret sûnder folk. Der stie yn dat de expert meetings oer provinsjebelied net iepenbier tagonklik wiene mar dat wie net wier,Fenna Feenstra, Provinsjale Steatelid, hat begin 2016 in punt makke fan de besletten ‘expert meetings’. Atze Jan de Vries, ‘Staten maken politiek tamme boel’, Leeuwarder Courant, 6 febrewaris 2016, 16. warskôge de provinsje, en de kommissars fan de Kening woe in petear. Want grutte mûle? Nei de direkteur! Dat soe ús leare.

It is sa, der binne folle minder besletten expert meetings,Ynformaasje fan Provinsjale Steatelid Fenna Feenstra, dd. 5 april 2017. goed dien—mar dan ha wy it noch net hân oer al it oare demokratysk tekoart. Sa is der de desintralisaasje dêr’t de provinsje inkeld mar by ynsjit om’t de gemeenten mear taken en jild krije, mar faak te lyts binne om dy taken út te fieren, sadat se har regionaal bondelje yn in ferskaat fan foarmen fan lokaal ferlingd bestjoer, dy’t de provinsje hielendal net kontrolearje kin.Douwe Jan Elzinga, ‘Regiobestuur eist nieuwe vormen en normen’, Binnenlands Bestuur, 25 okt 2013 <www.binnenlandsbestuur.nl/bestuur-en-organisatie/opinie/columns/regiobestuur-eist-nieuwe-vormen-en-normen.9176083.lynkx> [krigen 4 april 2017]. Mar al is de provinsje net bysteat dêr direkt wat oan te dwaan, de boarger hat wol ferlet fan kompinsaasje. Ek ha wy it net hân oer ynformaasjefoarsjenning oer de bestjoerlike organisaasje, lykas in lêsber provinsjeorganogram en in Hoe Wurket de Provinsje For Dummies, dêr’t dan yn stiet dat net de deputearre de beliedsnota skriuwt mar syn amtners, en dat dy somtiden mar útsykje moatte hoe’t se oan har ynformaasje komme, dus boarger, help dy lju! Oer it tekoart oan aktive iepenbierens troch in argyf sûnder sykmasine ha wy it hielendal net hân, lit stean oer de berikberens fan de Steateleden om’t har emailadressen noch altyd op @fryslan.nl stean wylst it al withoelang .frl is.

Fuort nei de provinsje mailde in freondinne dat it wol gjin yntym petear mei de kommissaris wurde soe. Al earder hiene oaren bretaal west. Yn de Ljouwerter Krante fan in pear dagen foar de Te Gast, sei se, “stie in moai stikje oer de mûnigens fan de Fryske Steaten, dat it liket dat sy hieltyd kritiser oan it wurden binne. It einige mei:

Een eigenstandige rol past de staten. Daar zijn ze recent nog eens op gewezen door Joan Leemhuis-Stout, die tussen het vertrek van commissaris Jorritsma (september 2016) en de entree van diens opvolger Arno Brok (maart 2017) als interimmer op de Friese winkel paste. Zij predikte dualisme; statenleden hoeven het college van GS niet klakkeloos te volgen. Openbaarheid hoort daar uiteraard bij. De nieuwe mondigheid wordt op dit moment vooral gevoeld door gedeputeerde Sietske Poepjes, die met wegen en vaarwegen, cultuur, Leeuwarden 2018 en breedband gevoelige onderwerpen onder zich heeft. Tot dusver had ze alleen met snel internet uitglijders gemaakt. Vooral zij moet nu extra op haar hoede zijn.”Leeuwarder Courant, 30 maart 2017.

Mar mei naming & shaming komme jo nije pûsters net tefoaren en tink derom, jo ek hear Brok, der is wat oars dat opfalt yn it stikje: dy Fryske winkel. It grutste ferskil tusken de publike en de private sektor is de foarm fan eignerskip en, dêrmei ferbûn, it ûndernimmerskip. De publike sektor is non-profit; de private sektor is winstmaksimalisaasje. It is in winkel.

Jo kinne jo fansels ôffreegje oft in publike sektor nedich is. Ein jierren tachtich krigen steaten sa’n hekel oan harsels dat alle oerheden fan ’e wrâld inkeld al yn it jier 1990 mei-inoar 25 miljard dollar oan steatstsjinsten ferkochten oan frije merkpartijen. Dy flugge republiside betsjut dat de steat no wol efter ús belesting­sinten oan jeit, mar it is net langer de steat dy’t de belesting­beteller dêr wat foar werom jout, want dat dogge allerhanne private en semyprivate ynstellingen.Edwin van de Haar, ‘Het neoliberale fantoom’, Mises Instituut Nederland, 31 augustus, 2014 <http://mises.nl/het-neoliberale-fantoom/> [krigen 4 april 2017]. Dat wol sizze, dat soene se dwaan moatte. Mar faak witte jo it net en is der gjinien om te freegjen wat der bard is mei de sinten. Want de opfetting fan iepenbiere ferant­wurding is ek feroare. Wie der earst in ferplichting om te anderjen foar in oan de—net iens demokratysk keazen—bestjoerder jûne ferantwurdlikheid, no hannelet de oerheid gauris neffens in bedriuws­ferantwurdings­stelsel: it bedriuw as gehiel is oanspraaklik, der is konsumintekar, kontraktdoelmjittigens, kwaliteit en kapitaaleignerskip.Stewart Ranson, ‘Public accountability in the age of neo-liberal governance’, Journal of Education Policy 18:5 (2003) 459-480; David Hursh, ‘Neoliberalism and the control of teachers, students, and learning: The rise of standards, standardization, and accountability’, Cultural Logic 4:1 (2000) / CLogic, 2001 <http://clogic.eserver.org/4-1/hursh.html> [krigen 4 april 2017]. Eignerskip is ien fan de tsjoen­spreuken yn it Frysk ûnderwiisadvysrapport, en net foar neat.

Ekonomen tinke dat in publike sektor wiswol nedich is. De merk kin gjin iepenbier nutsguod ferskaffe en net omgean mei ekster­naliteiten. Dy eksterne effekten binne ûnbedoeld, treffe elkenien, der hoecht net foar betelle te wurden en se wurde net yn ’e merkpriis meirekkene. Sa ha ús buorlju der foardiel fan as wy de iperein fan ’e strjitte feie, mar har derfoar betelje litte kin net en omkeard is der it negative effekt fan miljeuskea dêr’t gjin ûndernimmer foar betelje sil as de oaren it ek net dogge. Regulearring is is dus nedich op dy mêden, want dêr is merkfalen: it optimale lykwicht en de heechste kwaliteit wurde net berikt.

Op it mêd fan ûnderwiis is dat ek net sa. De merk makket fan skoallen ynstruminten dy’t de finansjele elite dynastike macht jaan kinne. De neoliberale technokrasy is in oanpassingsstrategy fan de hearskjende klassen yn reaksje op de ûnderwiisemansipaasje fan de jierren santich en de útwreiding fan it ûnderwiis yn de jierren dêrnei, sa lit Bourdieu sjen.Pierre Bourdieu, Homo economicus, 1988; La noblesse d’état, 1989. Boppedat draacht de merk it ûnderwiis op om oan dy fakken en talinten omtinken te jaan dy’t de ekono­myske produktiviteit fuortsterkje; om persoanlike ûntjouwing en it kweekjen fan in krityske boarger giet it net mear. De neoliberale ideology easket dat ûnderwiissystemen feardige arbeiders fol ûndernimmerssin ôfleverje sille, dy’t nije ekonomyske wearde bringe, mei it doel dat de steat adekwaat reagearje kin op de ynternasjonale merk.Susan Robertson, A class act: Changing teachers’ work, the state, and globalization (New York 2000) 187. De hegemoanyske krêft fan it neoliberalisme is fundearre op in elitêre en technokratyske organisaasjefoarm fan expert knowledge, dy’t de politike beslissingen stjoere sûnder dat demokratyske kontrôlemeganismen wat úthelje kinne.Oliver Schöller en Olaf Groh-Samberg, ‘The education of neoliberalism’, yn: Dieter Plehwe, Bernhard J. A Walpen, Gisela Neunhöffer (red.), Neoliberal hegemony: A global critique (Londen / New York 2006) 171-187, 171; Eduardo Domenech en Carlos Mora-Ninci, ‘World Bank discourse and policy on education and cultural diversity for Latin America’, yn: Dave Hill en Ravi Kumar (red.), Global neoliberalism and education and its consequences (New York / Londen 2009) 151-170, 163-164. Ferfrissele mei de technokrasy is in obsessyf testen—“Wy daagje basisskoallen út om de eintoets Frysk ôf te nimmen”Provinsje Fryslân, ‘‘Mei elkenien foar elkenien’: Koalysjeakkoart 2015-2019, seis ambysjes foar Fryslân’, g.d., 15 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=22&fileid=3811&f=414e4cb6a085ecb093b0e5b44384e6d7&attachment=0> [krigen 6 april 2017].—en in wittenskiplike, evidence-based didaktyk,Pasi Sahlberg, ‘How GERM is infecting schools around the world’, Washington Post, 29 juny 2012 <https://www.washingtonpost.com/blogs/answer-sheet/post/how-germ-is-infecting-schools-around-the-world/2012/06/29/gJQAVELZAW_blog.html> <http://pasisahlberg.com/text-test/> [krigen 6 april 2017]; Dick van der Wateren, ‘Zin en onzin van testen, vergelijken en afrekenen’, yn: René Kneyber en Jelmer Evers (red.), Het alternatief (Amsterdam 2013) 40-57; Gert Biesta, ‘Against learning. Reclaiming a language for education in an age of learning’, Nordisk Pedagogik 24:23 (2004) 70-82; Gert Biesta, ‘Why ‘what works’ won’t work. Evidence-based practice and the democratic deficit of educational research’, Educational Theory 57:1 (2007) 1-22; Gert Biesta, ‘Good education in an age of measurement: On the need to reconnect with the question of purpose in education’, Educational Assessment, Evaluation and Accountability 21:1 (2010) 33-46. dy’t autoritêr oplein wurdt oan de ûnderwiisprofesjonals dy’t de learling alle dagen sjogge.‘Goed Frysk op skoalle – de praktyk’, Sis Tsiis, 5 desimber 2016 <https://sistsiis2016.wordpress.com/2016/12/05/frysk-op-skoalle-de-praktyk/> ; H. Minkema, ‘Kritiek op een evidence-based benadering van onderwijs, in het bijzonder didactiek’, Blogcollectief Onderzoek Onderwijs, 20 augustus 2012 <https://onderzoekonderwijs.net/2012/08/20/kritiek-op-een-evidence-based-benadering-van-onderwijs-in-het-bijzonder-didactiek/> [krigen 6 april 2017].

It Fryske ûnderwiisbelied is fêstlein as: “We beginnen met het versterken van de positie van Fries in het onderwijs op basis van de uitbreiding van onze bevoegdheden op het vlak van ontheffings­beleid.”Provinsje Fryslân, ‘Het Fries’ [Begrutting 2016] Resultaat 15 <taalhttps://provinciale-begroting.frl/2016/coalitieakkoord/voor-een-vitaal-frysk-eigene/het-fries/> [krigen 6 april 2017]. Sterker meitsjen fan it Frysk troch der gjin ûnderwiis mear yn te jaan, just, seit de Volkskrant:

Zo schopte het Fries het zonder bloedvergieten tot officiële taal in Friesland. Maar verduiveld, pardon, duvekers: steeds meer Fryske klotekids verdommen het te spreken. Hun Nederlands doorspekken ze al met Smartphone-Engels, de mooiste taal van hun provincie vinden ze niet cool. Daarom komt Friesland met een plan dat in een andere provincie hielp tegen het water: 21,3 miljoen euro voor Deltaplan Frysk, in de hoop dat stormvloedkeringen ook een taalgebied kunnen drooghouden.Olaf Tempelman, ‘Fryske klotekids verdommen Frysk te spreken’, de Volkskrant, 17 oktober 2016 <www.volkskrant.nl/binnenland/fryske-klotekids-verdommen-frysk-te-spreken~a4396795/> [krigen 6 april 2017].

Mar de provinsje smyt dy miljoenen net yn ’t wetter, heden nee. “Ynvestearje yn ûnderwiis. Yn in ekonomy dy’t hieltyd mear in kennisekonomy wurdt, jout ûnderwiis de trochslach. Alhoewol’t ûnderwiis gjin provinsjale kearntaak is, sjogge wy út ekonomysk perspektyf wei oanlieding om dy wearde fan benammen heger ûnderwiis yn Fryslân fierder te fergrutsjen. … Om fêst te stellen oft de útstelde fakulteit oan ús winsken foldocht, litte wy de kommende moannen in ûndersyk nei de effekten fan de 11de fakulteit útfiere. … Wy ûndersykje mei Fryske learlingen en skoallen oft en hoe’t it Frysk, bygelyks as karfak, in bestindiger plak yn it fuortset ûnderwiis krije kin. Wy besjogge hoe’t wy digitale learmiddels dêr in rol yn spylje kinne litte.”Provinsje Fryslân, ‘‘Mei elkenien foar elkenien’: Koalysjeakkoart 2015-2019, seis ambysjes foar Fryslân’, g.d., 15, 24 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=22&fileid=3811&f=414e4cb6a085ecb093b0e5b44384e6d7&attachment=0> [krigen 6 april 2017]. It is in ynvestearring yn de winkel. It draait om ekonomyske kennisproduksje en fergrutsjen fan wearde fan dy kennis. Undersyksburo’s moatte útrekkenje oft it ûnderwiis strykt mei de winsken fan de merkpartijen—net dy fan learkingen en âlden dy’t, út it neoliberalistysk frije karidee wei, foar it karfak kieze kinne, as in klant yn de supermerk.

De neoliberale commitment mei merkkrêften om doelmjittigens, gelykheid en kwaliteit mei te berikken hat laat ta it idee fan frije skoalkar—in konsumintsoevereiniteit dy’t yn realiteit tige beheind is troch wen- en wurkplak en oare faktoaren—mar ek ta de steatemerk. De namme seit gâns wat: fia de merk soe, yn it neoliberale tinken, immen mear direkte macht hawwe oer syn situaasje dêr’t oars de burokrasy oer beslisse soe—“De Friezen dy’t fan ús subsydzje krije of … ûnder ús tafersjoch steane, ha minder lêst fan burokratyske kontrôles.”Provinsje Fryslân, ‘‘Mei elkenien foar elkenien’: Koalysjeakkoart 2015-2019, seis ambysjes foar Fryslân’, g.d., 34 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=22&fileid=3811&f=414e4cb6a085ecb093b0e5b44384e6d7&attachment=0> [krigen 6 april 2017]. Ynstee fan de mooglikheid om yn de kommisjegearkomste fan de Provinsjale Steaten in publyk belang te ferdigenjen, kin de Fryske boarger no nei in merk ta om mei Steateleden en amtners fan eigen kar te ûnderhanneljen oer in ûnderwerp fan eigen kar. It steatemerksysteem ferdizenet it ûnderskied tusken de private en publike sfear, om’t de oerheid boargers behannelet as konsuminten dy’t komme om wat te heljen en dêr in basisservice foar krije wolle.

Frappant is de reklame dy’t de provinsje foar himsels makket. Yn ’e konkurrinsjeslach om ekonomyske groei promoatsje stêden harsels as korporaasjes, lykas ‘smart cities’ of, om’t dat al lang in klisjee is, ‘super smart city’. Fansels hat it neoliberalisme sels­reklame, mei de merk as it heechste en iennichste begjinsel. Us provinsje hat in kursus oer Fryske frijheid. Dy libertas Frisonica bleau ’e fjirtjinde en fyftjinde ieu stykjen yn bloedige twisten.J.R.G. Schuur, ‘De Friese hoofdeling opnieuw bekeken’, BMGN - Low Countries Historical Review 102:1 (1987) 1-28. Yn earder tiid, doe’t Fryslân rûn fan ’e Rynmûning oant de Ems, wie Fryslân min of mear skatplichtich oan Rome,Greg Woolf, ‘Cruptorix and his kind. Talking ethnicity on the middle ground’, yn: Ton Derks en Nico Roymans (red.), Ethnic constructs in antiquity: the role of power and tradition, Amsterdam Archaeological Studies 13 (Amsterdam 2009) 207-218, 207; ‘Nero Claudius Drusus’, Wikipedia, (lêste oanpassing) 5 maart 2017 <https://en.wikipedia.org/wiki/Nero_Claudius_Drusus> [krigen 4 april 2017]; Herbert Schutz, Tools, weapons and ornaments: Germanic material culture in pre-carolingian Central Europe, 400 - 750 (Leiden / Boston / Köln: Brill, 2001) 21; ‘Frisian people’, Encyclopedia Brittanica, (lêste oanpassing) 1 jannewaris 2017 <https://www.britannica.com/topic/Frisian> [krigen 4 april 2017]. Magna Frisia woe net lije dat folken ûnder Fryske hearskippij har eigen rjochtspraak en taal brûktenSjoch û.o. George Homans, ‘The Frisians in East Anglia’, Economic History Review 10:2 (1957) 189-206. en de Fryske frijheid fan it Karolingyske feodale systeem hold yn dat de Fryske upper class sels wol liifeigenen en slaven hie.Bas van Bavel, Manors and markets: Economy and society in the Low Countries 500-1600 (Oxford 2010) 79. Soene se dat sein ha? De lêste ieuwen hat Fyslân hielendal gjin politike frijheid mear, Friezen kieze dêr net foar,Will Kymlicka, Multicultural odysseys: Navigating the new international politics of diversity (Oxford 2007) 70, 72. en professor Jensma leit it publyk út dat de restearjende frijheid in karaktertrek is, dy’t yn alle Friezen sitte moat.‘Friese vrijheid: 30 maart in Provinciehuis in Leeuwarden’, Vanplan.nl, g.d. <https://www.vanplan.nl/uitje/friese-vrijheid--provinciehuis-leeuwarden-37546851>; ‘Kursus ‘Klaar voor KH2018’’, Tresoar, g.d. <https://www.tresoar.nl/Pages/stoomkursus.aspx> [krigen 27 maart 2017]. It twahûndert jier âlde liberalisme bestiet om de frijheid fan ’e yndividu yn lykwicht te bringen mei de soevereiniteit fan de steat,Sandra Pralong, ‘The value of liberalism’, yn: Zdeněk Suda en Jiří Musil (red.), The meaning of liberalism: East and west (Budapest 2000) 85-104. dat neat nijs ûnder de sinne. Mar in oar ding is dat op ierde persoanlikheden amper fan inoar ferskille. Wy hingje der boppedat nei oer om minsken mei in persoanlikheid dêr’t wol sinjifikant mear fan in beskate trek yn sit, op te sluten.American Psychiatric Association, Diagnostic and statistical manual of mental disorders (DSM-IV) (Washington: American Psychiatric Association, 1994) 630 <https://justines2010blog.files.wordpress.com/2011/03/dsm-iv.pdf> [krigen 6 april 2017]. Want wat te tinken fan de trek ûnôfhinklikens (frijheid is gjin karaktertrek): a person consistently prefers to act on his/her own thoughts and feelings rather than take in the views of others.‘Independence (personality)’, Psychology Wiki, g.d. <http://psychology.wikia.com/wiki/Independence_(personality)> [krigen 6 april 2017].

Neoliberalistysk identiteitsmanagement hoecht dus net, gjin frijheidspropaganda asjeblyft. En de kommisjegearkomsten âlde styl moatte werom, Steateleden, wy rekkenje op jimme. Mar dan. Dan is der noch de kultuer. Maatregel 1.1 yn it Utfieringsplan fan de kultuerbeliedbrief is: Samen met de gemeente Leeuwarden faciliteren wij de Stichting KH2018.Provinsje Fryslân, ‘Uitvoeringsplan ‘Mei hert, holle en hannen 2017-2018’’, 20 juny 2016, 8 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=7&fileid=139&f=7ed5ba9d5868a52329be14b7c6a4f1a0&attachment=0> [krigen 6 april 2017].

Oer fjirtjin dagen mear oer de kulturele haadstêd as winstmeitsjende ûndernimming!

Noaten

  1. Fenna Feenstra, Provinsjale Steatelid, hat begin 2016 in punt makke fan de besletten ‘expert meetings’. Atze Jan de Vries, ‘Staten maken politiek tamme boel’, Leeuwarder Courant, 6 febrewaris 2016, 16.
  2. Ynformaasje fan Provinsjale Steatelid Fenna Feenstra, dd. 5 april 2017.
  3. Douwe Jan Elzinga, ‘Regiobestuur eist nieuwe vormen en normen’, Binnenlands Bestuur, 25 okt 2013 <www.binnenlandsbestuur.nl/bestuur-en-organisatie/opinie/columns/regiobestuur-eist-nieuwe-vormen-en-normen.9176083.lynkx> [krigen 4 april 2017].
  4. Leeuwarder Courant, 30 maart 2017.
  5. Edwin van de Haar, ‘Het neoliberale fantoom’, Mises Instituut Nederland, 31 augustus, 2014 <http://mises.nl/het-neoliberale-fantoom/> [krigen 4 april 2017].
  6. Stewart Ranson, ‘Public accountability in the age of neo-liberal governance’, Journal of Education Policy 18:5 (2003) 459-480; David Hursh, ‘Neoliberalism and the control of teachers, students, and learning: The rise of standards, standardization, and accountability’, Cultural Logic 4:1 (2000) / CLogic, 2001 <http://clogic.eserver.org/4-1/hursh.html> [krigen 4 april 2017].
  7. Pierre Bourdieu, Homo economicus, 1988; La noblesse d’état, 1989.
  8. Susan Robertson, A class act: Changing teachers’ work, the state, and globalization (New York 2000) 187.
  9. Oliver Schöller en Olaf Groh-Samberg, ‘The education of neoliberalism’, yn: Dieter Plehwe, Bernhard J. A Walpen, Gisela Neunhöffer (red.), Neoliberal hegemony: A global critique (Londen / New York 2006) 171-187, 171; Eduardo Domenech en Carlos Mora-Ninci, ‘World Bank discourse and policy on education and cultural diversity for Latin America’, yn: Dave Hill en Ravi Kumar (red.), Global neoliberalism and education and its consequences (New York / Londen 2009) 151-170, 163-164.
  10. Provinsje Fryslân, ‘‘Mei elkenien foar elkenien’: Koalysjeakkoart 2015-2019, seis ambysjes foar Fryslân’, g.d., 15 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=22&fileid=3811&f=414e4cb6a085ecb093b0e5b44384e6d7&attachment=0> [krigen 6 april 2017].
  11. Pasi Sahlberg, ‘How GERM is infecting schools around the world’, Washington Post, 29 juny 2012 <https://www.washingtonpost.com/blogs/answer-sheet/post/how-germ-is-infecting-schools-around-the-world/2012/06/29/gJQAVELZAW_blog.html> <http://pasisahlberg.com/text-test/> [krigen 6 april 2017]; Dick van der Wateren, ‘Zin en onzin van testen, vergelijken en afrekenen’, yn: René Kneyber en Jelmer Evers (red.), Het alternatief (Amsterdam 2013) 40-57; Gert Biesta, ‘Against learning. Reclaiming a language for education in an age of learning’, Nordisk Pedagogik 24:23 (2004) 70-82; Gert Biesta, ‘Why ‘what works’ won’t work. Evidence-based practice and the democratic deficit of educational research’, Educational Theory 57:1 (2007) 1-22; Gert Biesta, ‘Good education in an age of measurement: On the need to reconnect with the question of purpose in education’, Educational Assessment, Evaluation and Accountability 21:1 (2010) 33-46.
  12. ‘Goed Frysk op skoalle – de praktyk’, Sis Tsiis, 5 desimber 2016 <https://sistsiis2016.wordpress.com/2016/12/05/frysk-op-skoalle-de-praktyk/> ; H. Minkema, ‘Kritiek op een evidence-based benadering van onderwijs, in het bijzonder didactiek’, Blogcollectief Onderzoek Onderwijs, 20 augustus 2012 <https://onderzoekonderwijs.net/2012/08/20/kritiek-op-een-evidence-based-benadering-van-onderwijs-in-het-bijzonder-didactiek/> [krigen 6 april 2017].
  13. Provinsje Fryslân, ‘Het Fries’ [Begrutting 2016] Resultaat 15 <taalhttps://provinciale-begroting.frl/2016/coalitieakkoord/voor-een-vitaal-frysk-eigene/het-fries/> [krigen 6 april 2017].
  14. Olaf Tempelman, ‘Fryske klotekids verdommen Frysk te spreken’, de Volkskrant, 17 oktober 2016 <www.volkskrant.nl/binnenland/fryske-klotekids-verdommen-frysk-te-spreken~a4396795/> [krigen 6 april 2017].
  15. Provinsje Fryslân, ‘‘Mei elkenien foar elkenien’: Koalysjeakkoart 2015-2019, seis ambysjes foar Fryslân’, g.d., 15, 24 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=22&fileid=3811&f=414e4cb6a085ecb093b0e5b44384e6d7&attachment=0> [krigen 6 april 2017].
  16. Provinsje Fryslân, ‘‘Mei elkenien foar elkenien’: Koalysjeakkoart 2015-2019, seis ambysjes foar Fryslân’, g.d., 34 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=22&fileid=3811&f=414e4cb6a085ecb093b0e5b44384e6d7&attachment=0> [krigen 6 april 2017].
  17. J.R.G. Schuur, ‘De Friese hoofdeling opnieuw bekeken’, BMGN - Low Countries Historical Review 102:1 (1987) 1-28.
  18. Greg Woolf, ‘Cruptorix and his kind. Talking ethnicity on the middle ground’, yn: Ton Derks en Nico Roymans (red.), Ethnic constructs in antiquity: the role of power and tradition, Amsterdam Archaeological Studies 13 (Amsterdam 2009) 207-218, 207; ‘Nero Claudius Drusus’, Wikipedia, (lêste oanpassing) 5 maart 2017 <https://en.wikipedia.org/wiki/Nero_Claudius_Drusus> [krigen 4 april 2017]; Herbert Schutz, Tools, weapons and ornaments: Germanic material culture in pre-carolingian Central Europe, 400 - 750 (Leiden / Boston / Köln: Brill, 2001) 21; ‘Frisian people’, Encyclopedia Brittanica, (lêste oanpassing) 1 jannewaris 2017 <https://www.britannica.com/topic/Frisian> [krigen 4 april 2017].
  19. Sjoch û.o. George Homans, ‘The Frisians in East Anglia’, Economic History Review 10:2 (1957) 189-206.
  20. Bas van Bavel, Manors and markets: Economy and society in the Low Countries 500-1600 (Oxford 2010) 79.
  21. Will Kymlicka, Multicultural odysseys: Navigating the new international politics of diversity (Oxford 2007) 70, 72.
  22. ‘Friese vrijheid: 30 maart in Provinciehuis in Leeuwarden’, Vanplan.nl, g.d. <https://www.vanplan.nl/uitje/friese-vrijheid--provinciehuis-leeuwarden-37546851>; ‘Kursus ‘Klaar voor KH2018’’, Tresoar, g.d. <https://www.tresoar.nl/Pages/stoomkursus.aspx> [krigen 27 maart 2017].
  23. Sandra Pralong, ‘The value of liberalism’, yn: Zdeněk Suda en Jiří Musil (red.), The meaning of liberalism: East and west (Budapest 2000) 85-104.
  24. American Psychiatric Association, Diagnostic and statistical manual of mental disorders (DSM-IV) (Washington: American Psychiatric Association, 1994) 630 <https://justines2010blog.files.wordpress.com/2011/03/dsm-iv.pdf> [krigen 6 april 2017].
  25. ‘Independence (personality)’, Psychology Wiki, g.d. <http://psychology.wikia.com/wiki/Independence_(personality)> [krigen 6 april 2017].
  26. Provinsje Fryslân, ‘Uitvoeringsplan ‘Mei hert, holle en hannen 2017-2018’’, 20 juny 2016, 8 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=7&fileid=139&f=7ed5ba9d5868a52329be14b7c6a4f1a0&attachment=0> [krigen 6 april 2017].

Foaropwurd

Fers2 nû. 3.6, 26 maart 2017

In nij soarte fan identiteitspolityk?

image Fers2

It debakle fan Wilders krige alle omtinken yn de útlânske parse. “Geert Wilders falls short in election, as wary Dutch scatter their votes,” gie de New York Times op 15 maart. De ynlânske parse sette Rutte syn oerwinning sintraal. De Ljouwerter Krante kopte fan “Friesland verschiet van PvdA-rood naar CDA-groen.”Ton van der Laan, ‘Friesland verschiet van PvdA-rood naar CDA-groen’, Leeuwarder Courant, 16 maart 2017 <http://www.lc.nl/friesland/Friesland-verschiet-van-PvdA-rood-naar-CDA-groen-22070282.html> [krigen 18 maart 2017]. Se fergeaten dêr it wurdsje “werom” tusken te setten, ommers oant 2002 wie Fryslân in CDA-provinsje. En se hiene net sjoen dat der alve CDA-grienen binne.‘Huisstijlhandboek: Algemene richtlijnen & instructies voor het gebruik van de CDA huisstijl’, febrewaris 2013, Ferzje 1.1., 9 <https://d2vry01uvf8h31.cloudfront.net/CDA/Huisstijl/CDA_huisstijlhandboek.pdf> [krigen 18 maart 2017]. It wie se net opfallen dat it net griene mar himelskblauwe “Samen kunnen we meer” net perfoarst nei in oare identiteitspolityk ferwiist as Wilders syn prusyskblauwe “We gaan ons land terugveroveren.” Nammers Buma syn praat fan ‘tegearre mear kinne’ is as de mûs dy’t tsjin ’e oaljefant seit: wat stampe wy lekker.

Lykas yn ’e Feriene Steaten sizze se ek hjir dat it kearntema fan de ferkiezingen identiteit wie.Bygelyks: ‘Buitenhof 19 maart 2017’, VPRO, 19 maart 2017 <https://www.vpro.nl/buitenhof/speel~POMS_VPRO_7895863~james-kennedy~.html> [krigen 19 maart 2017] It CDA hâldt it mear polityk korrekt as de PVV. Eksplisite islamofoby is der net. Mar dat betsjut net dat de wier-Nederlânske wearden fan Henk en Ingrid by it CDA minder sintraal stean as by de PVV en dat neffens it CDA net alle Neder­lânske boargers dy wearden likefolle ûnderstypje moatte, lykas dat de PVV dat wol. Is it CDA in minder radikaal-nasjonalistyske partij as de PVV as dy yn alle earnst útstelt om it op skoalle sjongen fan it folksliet yn te fieren—it Nederlânske; net Beethoven syn Alle Menschen werden Brüder en net it Frysk bloed tsjoch op—om’t hja miene dat sjongen de sosjale kohesy bringt dêr’t hja fan oardieljemar wêrom?—dat dy der no net is, of fierstente min, en dêr’t hja fan tinke dat it—de missende kohesy—it probleem is dat it Nederlânske ûnderwiis oplosse moat—it probleem dat de identiteit fan wite kristlike man bedrige wurdt?

Jinsels ta slachtoffer ferklearje is de basis fan elke identiteits­polityk. Dêrom hat polityk links himsels sûnt in pear desennia in like grutte tsjinstanner fan identiteitspolityk ferklearre as polityk rjochts. Wy binne allegearre gelyk, gjinien hoecht dus it slachtoffer fan de oar te wêzen, klear. Mar it giet no net om de gays of de froulju dy’t har rjochten opeaskje. Nederlân hat in nij soarte fan identiteitspolityk, seit de útlânske parse.Sjoch ‘The Dutch election suggests a new kind of identity politics’, The Economist, 18 maart 2017 <http://www.economist.com/news/europe/21718921-identity-does-not-have-be-exclusive-preserve-far-right-dutch-election-suggests> [krigen 18 maart 2017]. Lykas yn de Feriene Steaten hat de wite, meast urbane heechoplate subgroep syn eigen identiteit en de wite leechoplate, relatyf earme, hurdwurkjende groep hat syn eigen identiteit. En dêrneist is der in net-autochtone identiteit.

Hoe’t de Fryske identiteit dêrtusken past hawwe de media it net oer. Oars liket wat der bart mei de Fryske taalsprekkers en -lêzers as twa drippen wetter op wat der bard is mei de PvdA-efterban: fergrizing, útstjerren en kieze foar in libbener eagjende identiteit. De peilingen hiene yn desimber al útwiisd dat de PvdA mar acht setels krije soe—droegje jimme triennen, jonges—en de reden wie dúdlik, nammentlik de partij hie it oer de ferkearde dingen.Juliaan van Acker, ‘Het badwater en de PvdA’, The Post Online, 15 desimber 2016 <http://politiek.tpo.nl/2016/12/15/badwater-en-pvda/> [krigen 18 maart 2017]. It gie al hiel lang oer kulturele issues lykas de islam en net mear oer de folle wichtiger materiële en ekonomyske saken, wylst de macht en it kapitaal fan in hiele lytse elite hieltyd grutter waarden en de belangen fan de arbeider net mear ferdigene wurde koene tsjin it korporatisme.

De fraach leit no foar de hân oft de Friezen it ek oer de ferkearde issues hawwe. Foarsichtiger formulearre: is it sa dat de Fryske issues dy’t op it aljemint brocht wurde de relevante binne foar in konstruktive, effektive identiteitspolityk en dat de saken dy’t fan tafel fage wurde ôfliedingen fan de kearnkwestje wiene? It Nijs seit twa dagen nei de ferkiezingen: “Foar Fryslân is fan belang dat se [de dielnimmende partijen yn it nij regear] neat dogge dat yn striid is mei it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden en it Ramtferdrach Nasjonale minderheden.”‘In pear Fryske spulregels foar de kabinetsformaasje’, It Nijs, 17 maart 2017 <http://www.itnijs.frl/2017/03/pear-fryske-spulregels-foar-de-formaasje/> [krigen 19 maart 2017]. It Nijs bringt yn ’t sin dat eardere regearen gjin útfiering oan dy beide ferdraggen joegen, mar set it net earnst nimmen fan oangiene ferplichtingen net yn ’e bredere kontekst fan Europeeske ferdrach­skeiningen. Yn 2014 tikte de Europeeske Kommisje foar sosjale rjochten Nederlân op de fingers foar it skeinen fan it Europeesk Sosjaal ferdrach, troch immigranten sûnder papieren net de nedige soarch te bieden. Sa te sjen beskôgje Nederlânske regearen Europeeske regeljouwing as de trochsneedfytser de ferkearsregels: fan tapassing op de oaren. Mar gearfetsjend is wat It Nijs nei foaren bringt taalrjocht & hollânskepsis.

De meening, dat men hier te doen zou hebben met een dialekt van het Hollandsch, is een geval van grove onkunde op dit gebied … Ik zal nog later moeten terugkomen op de noodzakelijkheid om ook van regeeringswege en in de wetgeving aan de Friesche taalstudie en het onderwijs der Friesche kinderen in hun eigen taal recht te doen wedervaren.Pieter Jelles Troelstra, Gedenkschriften. Eerste deel: Wording (Amsterdam 1927) 191.

Sei Pieter Jelles yn 1927: njoggentich jier taalrjocht en hollânskepsis hat neat úthelle. It taalrjochtissue is faak yn in frijbliuwend kultuerramt pleatst, bygelyks as rjocht op twatalige plaknammebuordjes. Ek as it oer wat oars giet, giet it nearne oer. De Kulturele Haadstêd­organisaasje twitteret net yn it Frysk om’t de tweets ornearre binne foar “alle Nederlanners en hiel Europa.” Braaf seit deputearre Poepjes dat se der wat oan dwaan sil, mar dat is no in healjier lyn en it hat har omtinken (fansels) net hân.‘Provinsjebestjoer lilk om skouderjen Fryske taal troch organisators kulturele haadstêd’, It Nijs, 22 oktober 2016, <http://www.itnijs.frl/2016/10/provinsjebestjoer-lilk-om-skouderjen-fryske-taal-troch-organisators-kulturele-haadsted/> [krigen 19 maart 2017]. Begjin april kamen twa Baskyske taalrjochtspesjalisten del om mei ûnder oaren in pear Afûklju te praten oer in Europeesk minder­heids­taalferdrach dat it besteande hânfêst oer minderheids­talen, dat net konkreet en ûnderboud genôch wêze soe, oanfolje moast. Ek dêr ha wy neat mear wat fan heard. En dat is logysk: komt it by de Afûk te lizzen dan wurdt de eigen taal kultuer, ynstee fan in fûneminteel minskerjocht.

Hiene se dan prate moatten mei de Fryske Nasjonale Partij? Dy hâldt him likemin as de Afûk langer mei polityk dwaande; de FNP hat gjin reaksje op de ferkiezingen jûn, net op ’e webside en net op ’e partijtwitter. Unnedich om te fermelden dat ús ea polityk warbere Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje ek net twittere hat oer de ferkiezingen, noch oer de útslach.

Taalrjocht is kultuer en dus gjin issue. Wat de hollânskepsis oangiet, net Hollân mar hiel Nederlân, ynbegrepen dus Fryslân, besjocht taal pragmatysk. It is gewoan handiger as elkenien ien en deselde taal praat. By útstek nuttich achtsje Nederlanners-ynklusyf-Friezen de Ingelske taal: “At a national level, almost all respondents in the Netherlands (95%) ... think that English is one of the two most useful languages for personal development” en: “At a national level, almost all respondents in ... the Netherlands (96% in each) think that English is one of the two most useful languages for children to learn for their future.”Europeeske Kommisje, ‘Special Eurobarometer 386: Europeans and their languages, Report’, Juny 2012, 72, 80 <http://ec.europa.eu/public_opinion/archives/ebs/ebs_386_en.pdf> [krigen 19 maart 2017]. It pikantste út it Europeeske ûndersyk fan 2012 is wol dit:

It is only in the Netherlands where the proportion of respondents who agree that all languages spoken within the EU should be treated equally falls substantially below the EU average, with 56% agreeing with the statement, compared with 39% who disagree. Respondents in the Netherlands, together with those in France, are also least likely to say that they ‘totally’ agree with the statement (31% in each country).Europeeske Kommisje, ‘Special Eurobarometer 386: Europeans and their languages, Report’, Juny 2012, 120 <http://ec.europa.eu/public_opinion/archives/ebs/ebs_386_en.pdf> [krigen 19 maart 2017].

Oer Frysk taalrjocht, Fryske identiteit en oer sûne hollânskepsis hoege wy it dus net te hawwen salang’t Henk en Ingrid tahâlde yn it provinsjehûs.

Noaten

  1. Ton van der Laan, ‘Friesland verschiet van PvdA-rood naar CDA-groen’, Leeuwarder Courant, 16 maart 2017 <http://www.lc.nl/friesland/Friesland-verschiet-van-PvdA-rood-naar-CDA-groen-22070282.html> [krigen 18 maart 2017].
  2. ‘Huisstijlhandboek: Algemene richtlijnen & instructies voor het gebruik van de CDA huisstijl’, febrewaris 2013, Ferzje 1.1., 9 <https://d2vry01uvf8h31.cloudfront.net/CDA/Huisstijl/CDA_huisstijlhandboek.pdf> [krigen 18 maart 2017].
  3. Bygelyks: ‘Buitenhof 19 maart 2017’, VPRO, 19 maart 2017 <https://www.vpro.nl/buitenhof/speel~POMS_VPRO_7895863~james-kennedy~.html> [krigen 19 maart 2017].
  4. Sjoch ‘The Dutch election suggests a new kind of identity politics’, The Economist, 18 maart 2017 <http://www.economist.com/news/europe/21718921-identity-does-not-have-be-exclusive-preserve-far-right-dutch-election-suggests> [krigen 18 maart 2017].
  5. Juliaan van Acker, ‘Het badwater en de PvdA’, The Post Online, 15 desimber 2016 <http://politiek.tpo.nl/2016/12/15/badwater-en-pvda/> [krigen 18 maart 2017].
  6. ‘In pear Fryske spulregels foar de kabinetsformaasje’, It Nijs, 17 maart 2017 <http://www.itnijs.frl/2017/03/pear-fryske-spulregels-foar-de-formaasje/> [krigen 19 maart 2017].
  7. Pieter Jelles Troelstra, Gedenkschriften. Eerste deel: Wording (Amsterdam 1927) 191.
  8. ‘Provinsjebestjoer lilk om skouderjen Fryske taal troch organisators kulturele haadstêd’, It Nijs, 22 oktober 2016, <http://www.itnijs.frl/2016/10/provinsjebestjoer-lilk-om-skouderjen-fryske-taal-troch-organisators-kulturele-haadsted/> [krigen 19 maart 2017].
  9. Europeeske Kommisje, ‘Special Eurobarometer 386: Europeans and their languages, Report’, Juny 2012, 72, 80 <http://ec.europa.eu/public_opinion/archives/ebs/ebs_386_en.pdf> [krigen 19 maart 2017].
  10. Europeeske Kommisje, ‘Special Eurobarometer 386: Europeans and their languages, Report’, Juny 2012, 120 <http://ec.europa.eu/public_opinion/archives/ebs/ebs_386_en.pdf> [krigen 19 maart 2017].

Foaropwurd

Fers2 nû. 3.5, 12 maart 2017

Provinzdeutung

image Fers2

It literatuermanagement yn Fryslan bliuwt in ûnneigeanber ding. Witte jo noch fan dat provinsje-ûndersyk nei de ‘tastân fan it Fryske boek’? Nea mear wat fan heard! Ynienen docht de provinsje no de meidieling dat de Afûk “de promotie en de verkoop van Friese literatuur [docht]. De boekpromotie was de afgelopen jaren belegd bij Tresoar”, maar “[v]anaf heden focust Tresoar zich op literatuurbevordering.”Provinsje Fryslân, ‘Promotie Friese literatuur door de Afûk’ <http://www.fryslan.frl/home/nieuws_3166/item/promotie-friese-literatuur-door-de-afuk_4081.html> [krigen 3 maart 2017]. It nuvere is: ‘Promotie’ is hûndert persint synonym mei ‘bevordering’.

By tafal hearden wy yn ’e hjerst fan 2015 dat de provinsje in grut ûndersyk dwaan soe. It wie net yn ’e iepenbierens kommen. Oft it gie oer ‘de tastân’ fan it Fryske boek of fan ’e Fryske literatuer, dêr wiene se net út. Wy tochten fan in boek is in handige foarm, mei oaninoar plakt papier dat tusken meastal oantreklik kleure karton noflik yn ynpakpapier en dêrnei yn ’e boadskiptas kin, wat in kwaliteit is dy’t literatuer—in soarte fan beskriuwing—net hat, dus hja sille in ûndersyk nei Fryske boeken ha wolle. Mar in freon fertelde dat der in útnoeging kaam om in dielûndersyk nei ‘de tastân’ te dwaam, want se hiene ferlet fan immen dy’t literatuer­wittenskip studearre hie. Dat se net immen woene mei in oplieding yn ’e boekwittenskippen, ien dus dy’t ferstân hat fan ’e ekonomyske kant fan boeken ynstee fan de ynhâld, wiisde dochs yn de rjochting fan in ûndersyk nei literatuer. Of it wiisde derop dat se net wisten wat se woene. Op ’t lêst sei de provinsjeamtner dy’t de ûndersyksopdracht útset hie dat der ûndersyk nei ‘de tastân’ dien wurde moast om’t it gie min mei boek of literatuer. Wêrom’t der ûndersyk dien wurde moast nei ‘de tastân’ as al bekend wie dat dy min wie, wist er net. It like der noch it meast op dat se net witte woene wat se ûnder it oerflak al lang wisten.

De measte pasjinten sille, as se folslein frij litten wurde op ’e sofa fan Freud en net de ideeën fan de analytikus hoege te papagaaien, in boek assosjearje mei lêzen. Sels as de pasjint in skriuwer of boekhanneler is sil er by in boek yntuïtyf tinke oan lêzen en net oan skriuwen en al hielendal net oan kommersje. Freud hat dêr net oer skreaun yn Die Traumdeutung, dat is sa, mar om de simpele reden dat minsken net dreame oer lêzen, skriuwen en rekkenjen, ek al dogge se dat de hiele dei, want dreamen gean oer libbensbedriigjende saken.Antti Revonsuo, ‘The reinterpretation of dreams: An evolutionary hypothesis of the function of dreaming’, Behavioral and Brain Sciences 23:6 (2000) 877-1121, 891. Jo kinne no sizze dat it it libben fan de Fryske taal bedriget dat minsken gjin Fryske boeken mear keapje en dat Fryslân dêrom dreamt oer de stagnearjende Fryske boekferkeap. Mar de kâns is grut dat Freud dat patologysk neamd hie: in ûnfolwoeksen ferkringing fan dat wat net fan it ûnbewuste oerrinne mei yn it bewuste. En nettsjinsteande al Freud syn diagnostyske flaters soe er dêr fan Fers2 gelyk oan krije.

Ferfolch

It potlead en de pin

image Fers2

Jo hoege mar by de fytsmakker del of jo krije in frege of net frege stimadvys. Dat jo ferwachtsje it ek fan Fers2. En jo krije it: foar Frysktalige literatuer binne alle linkse partijen goed. De PvdA, moat men der tsjintwurdich by fermelde as wie it in fertocht e-nûmer, heart dêrby: ek foar keunst, foar diversiteit, foar solidariteit, foar minsklikens. Mar wat de fytsmakker, grienteman en wasserette der net altyd by roppe is dat de rolmodel­beneiering fan demokrasy, it stimmen, it troch alles hinne ferdigenjen jo idealen op woansdei 15 maart, dy ritueel-skabreuze potlead­hanneling yn in hokje, samar wer foarby is. Yn in sucht stean jo foar opnij sa’n kabinet.

Betink dêrom dat jo macht net ferdwynt du moment jo stim troch de gleuf hinne glidet. Jo bliuwe yn ús demokratysk bestel de baas oer de lju dy’t jo aansen fertsjintwurdigje. Lykas op ’e Ateenske agora krije jo straf as jo net lûdop meiprate oer it ferlet fan de Fryske literatuer, al is dat hjoeddedei mei in Sjarlatan fan Fryslân ynstee fan in Dichter fF. Sûnder mobilisaasje sil it net slagje: Friezen moatte de dyk op foar behâld fan har eigen taal, foar Frysk ûnderwiis en foar in ein oan de taaldiskriminaasje.

Mar ek tekstuele mobilisaasje is ûnmisber. De kontrôle oer de kulturele produksje troch de provinsjale oerheid, ûnderstipe troch de ryks­oerheid dy’t elke oars-kulturele utering redusearret ta leaflike folkloare, is ôf te brekken. Al earder hawwe literêre teksten, lykas yn Fryslân de Winterjûnenochten, teksten dy’t net foldogge oan de noarm—de estetyske noch de krityske, de artistike noch de sosjale, de kulturele noch de politike—de strienedige sosjale transformaasje brocht. Sis dat mar tsjin jo fytsmakker.

Keapjen is hiel wat oars as lêzen. Yn de Feriene Steaten binne yn 2015 (neist de hieltyd populêrdere e-books) 2,71 miljard papieren boeken ferkocht, wat op acht boeken de moanne foar elke Amerikaan komt, mar safolle lêze hja lang net.Libby Coleman, ‘There’s a word for buying books and not reading them’, OZY, 8 okober 2016 <http://www.ozy.com/acumen/theres-a-word-for-buying-books-and-not-reading-them/71898> [krigen 6 maart 2017]. It keapjen fan boeken mar dy net lêze is in bekend symptoom. Der binne nammen foar: bibliomania, in bibliolater, tsundoku, boekhystery. Misken keapje dy boeken om’t boeken statusobjekten binne.Sjoch ‘Positional goods’, Investopedia <http://www.investopedia.com/terms/p/positional-goods.asp> [krigen 7 maart 2017]. Boek­konsumintisme is in wize fan selsekspresje. It keapjen fan boeken smyt wat op, ek al ynvestearje jo yn in boek dat jo net lêze sille, om’t jo mei it keapjen fan it boek sjen litte wa’t jo binne.Jonathan McCalmont, ‘Why do people buy books they don’t read?’, ruthless culture, 24 jannewaris 2012 <https://ruthlessculture.com/2012/01/24/why-do-people-buy-books-they-dont-read/> [krigen 6 maart 2017]. Om de persoan te bliuwen dy’t jo wêze wolle is it genôch om it boek kocht te hawwen. Dat orale fasegedrach lit sels hielendal gjin lêzen ta: it ego beskermet him tsjin de ûnakseptabele konfrontaasje mei de steapels boeken dy’t dreaun troch in ûnbedimme Es yn ús besit kommen binne.

Mar der moat wol mear yn it ûnbewuste weromtreaun wurde. De provinsje spjaltet syn belied op yn in terrein taal, media & letteren en in terrein ûnderwiis & wittenskippen. Dat klinkt billik oant jo betinke dat provinsjes sawat gjin bestjoerlike funksjes ha op it mêd fan ûnderwiis. De gemeenten regelje it pleatslike iepenbier ûnderwiis en foar it bysûnder ûnderwiis de fysike romte en de ûnderwiisynspeksje is gemeentebûn. De provinsje Fryslân is in útsûndering, want dy hat in meifoech en wol oer de Fryske taal. Us provinsje sjocht nei eigen sizzen “vele inhoudelijke raakvlakken” tusken “de onderdelen taal, cultuur en onderwijs” en dêrom “ligt een verdere [beleids]integratie voor de hand.”Deputearre Steaten fan Frylân, ‘Startnota Integrale beleidsbrief cultuur, taal, onderwijs en sport. Projectplan’, 12 oktober 2015, 1 <https://provinciale-begroting.frl/2017/wp-content/uploads/sites/3/2016/09/Startnota-Integrale-Beleidsbrief-CTO-en-S.pdf> [krigen 10 maart 2017]. Mar as jo nei de provinsjale begrutting fan 2017 sjogge, dan stean taal en ûnderwiis op twa ferskillende siden. Under de prestaasjeyndikatoaren fan taal stiet boppe-oan “Deltaplan: Implementatie Taalwet” en der is ek: “Taalbeleid” en ûnder de yndikatoaren fan ûnderwiis stiet: “Deltaplan: Implementatie Taalwetgeving (Taalplan Frysk).”Provinsje Fryslân, ‘Programma 8: Cultuur, taal en onderwijs: 8.3 Taal, media en letteren’, g.d. <https://provinciale-begroting.frl/2017/planning-control/begroting/programma-8-cultuur-taal-en-onderwijs/8-3-taal-media-en-letteren/> [krigen 6 maart 2017]. Mar der is mar ien ‘taalwet’. Dat is de Wet gebrûk Fryske taal fan 2 oktober 2013. Dêr stiet neat yn oer ûnderwiis. Boppedat kodifisearret dy wet in besteande praktyk, seit de Rie fan Steat; de wet sterket net fuort, mar de provinsje moat dat dwaan.Rie fan Steat, ‘2.2 Gebruik van de taal in het bestuurlijk verkeer (artt. 2:6-2:12)’ [PG Awb III, p. 46-84], PG Awb Digitaal, 14 jannewaris 2013, g.s. (alinea ‘Nader rapport’, nû. 2) <http://pgawb.nl/pg-awb-digitaal/hoofdstuk-2/2-2-gebruik-van-de-taal-in-het-bestuurlijk-verkeer/> [krigen 7 maart 2017].

It besitten fan twa ferskillende ferzjes fan ’e werklikheid hat Freud foar it earst beskreaun yn syn wurk oer fetisjes. Fetisj en taal—ek al hawwe jo, bêste lêzer, no Jamie Lee Curtis yn A fish called Wanda net út te wiskjen op jo netflues (wy ek hear), betink foar de aardichheid ris hoe faak oft de provinsje net yn ien siken wei taal mei mienskip neamt, of, as se kinky wolle, meartaligens mei mienskip. Under soks, tinkt Freud, leit de patologyske rou om dat wat ferlern gien is, mar dêr’t it ferlies net ta werklikheid waard, sadat in objekt, eat dat bliuwt, in lustobjekt wurdt, lykas de mem fan Norman Bates of ‘taalbeleid’.

Jawis, de sutelaksje: tsien stik yn 2017! Fan de sutelaksje wurdt al hiel lang de opbringst net bekend makke yn tal fan blide lêzers, oantal lêzers überhaupt of tanimmen fan kultureel kapitaal, nee, gewoan yn euro’s. Mar in boek is kultureel besit. In boek is net in produkt dêr’t op ’e merk fan fraach en oanbod ferlet fan is lykas fan bôle en in bêd. Dat betsjut dat de euro’s der net ta dogge en dat boeken ferspraat wurde moatte lykas dat de provinsje it asfalt ferspriedt: folslein los fan fraach dernei oant alle Fryske foardoarren ta. Want by dy foardoar moat de libidinale foldwaning barre. De sutelaksje lit skerp as in Rorschachtest de groteske byldfoarming oer de rêdende minske, oftewol de smelle blik fan de provinsje sjen: “Only looking at the decisions of final consumers, not the many middlemen, gatekeepers and selectors of real situations.”Nachoem Wijnberg, Powerpointpreseintaazje Theories of entrepreneurship and management in the creative industries, Lecture 4, Universiteit van Amsterdam 2015, slide 21. In rasjonalisearring is dat literatuer de taal ûnder­stipet, oars sein, boeken binne fuortsterkers fan de taal­behearsking en dus is fersprieding fan boeken ‘goed’.Rijk en provincie Fryslân, ‘Tussenevaluatie bestuursafspraak Friese taal en cultuur 2013-2018’, Rijksoverheid, 2 desimber 2016, 9 <https://www.rijksoverheid.nl/binaries/rijksoverheid/documenten/rapporten/2016/12/02/tussenevaluatie-bestuursafspraak-friese-taal-en-cultuur-2013-2018/tussenevaluatie-bestuursafspraak-friese-taal-en-cultuur-2013-2018.pdf> [krigen 9 maart 2017]. Mar yn 2001 en 2008 gie it berneboek it hurdst by de sutelaksje. Earst binne dat boeken dy’t kado jûn wurde, de bern keapje net sels, dus se wurde net perfoarst lêzen—hint: net nei it keapjen mar krekt nei it lêzen hat in boek in effekt op de taalbehearsking—en twad binne dat gauris boeken mei plaatsjes.

De ûntkenning fan ferantwurdlikheid giet folle fierder as dat. Der is minimalisearjen: “Keunst en kultuer libje en bloeie yn de provinsje Fryslân. Foar in grut part is de Fryske taal by kulturele aktiviteiten de fiertaal.”Provinsje Fryslân, ‘Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2013-2018’, 22 april 2013, 16. Der is rjochtfeardiging: “Ook zetten wij in op: … Laten wij via het primair en voortgezet onderwijs kinderen kennismaken met Friese literatuur.”Provinsje Fryslân, ‘Uitvoeringsplan mei hert, holle en hannen’, 20 juni g.j, 9 <http://www.fryslan.frl/document.php?m=7&fileid=139&f=7ed5ba9d5868a52329be14b7c6a4f1a0&attachment=0> [krigen 7 maart 2017]. En der is skuldjaan, in direkte útspraak dêr’t út bliken docht dat rekkenskip ôflein wurde moat troch oaren, en dêrûnder fansels de bloggers, Facebookers en twitterders: “De Fryske taal feroaret ûnder ynfloed fan nije media en it taalgebrûk dêrmei anneks, kultueruterings digitalisearje.”Provinsje Fryslân, ‘Mei elkenien foar elkenien: Koalysjeakkoart 2015-2019’, 23.

Neffens Freud is de seksueel laden begearte dy’t nei himsels werom wiist net ferkeard. It is normaal narsisme, dat ûnder mear ta utering komt yn magysk tinken: it leauwen dat nei eat te longerjen it ferskine litte sil. Mar hoe sûn oft de almachtfantasyen ek wêze meie, fan it literatuermanagement is de ynfloed op de werklikheid op syn sêftst sein beheind. In autoritêr provinsjerezjym is bêst, mar de superego ferbiedt opstân tsjin it keninkryk, dat ferskowing krijt syn beslach, seit Freud—thús krijt de hûn in skop. It konflikt tusken winsk en wêzen blykt ûnoplosber en hjir begjint de keihurde ûntkenning: “Der Neurotiker wendet sich von der Wirklichkeit ab, weil er sie … unerträglich findet.”Sigmund Freud, Formulierungen über die zwei Prinzipien des psychischen Geschehens [Leipzig 1911], Kleine Schriften I - Kapitel 24, <http://gutenberg.spiegel.de/buch/kleine-schriften-i-7123/24> [krigen 9 maart 2017]. Want wat werklik nedich is foar it lêzen fan minderheidsliteratuer stiet iepen en bleat op Wikipedia; net elkenien wit it mar de wierheid komt wol aaklik tichtby.

Om te begjinnen is in bedrige taal in taal dêr’t alle brûkers fan dea geane of in taal dêr’t de brûkers stadich fan oerstappe op in oare taal. It Frysk is dus deagewoan in bedrige taal. Mar dat der gjin krepearjende Frysktaligen lizze makket de Realitätsprüfung dreech. Dat is krekt wêrom’t der gjin ûntjouwing is út de Lust-Ich wei, mei syn dreamwinskfoarstelling fan ’e werklikheid. Yn in werhelling fan de ferûntrêstigjende, want net te behearskjen oanwêzigens/ôfwêzigens fan de memmetaal is der de mantra fan de ‘trochrinnende learwei’, in fort/da, sadat de taal bemachtige wurde kin. Mar de mooglikheid fan akademysk bestudearjen fan bewarre stikken Frysk skrift makket de taal net minder dea. Want wat draacht ommers it promovearjen fan Jelle Krol ta oan de mannichte fan floeiend Frysksprekkers dy’t in betingst binne foar in libbene taal?

Mar dat is noch mar it topke fan ’e iisberch. Want al is floeiend prate, net stadich en stjitterich, wol needsaaklik foar in goede taalbehearsking, genôch is it net. Floeiende sprekkers kinne bêst in lytse wurdskat, in minne wurdtapassing en lege debatfeardichheden hawwe en se kinne analfabeet wêze. Under de taalbrûkers dy’t in taal easket om yn libben te bliuwen moatte by ’t soad minsken mei in hege taalbehearsking sitte, dy’t lêze, skriuwe en prate kinne moatte en in djip begryp ha fan beharke en lêzen tekst. Sels mei it heechtste profyl, dus it folsleine ûnderwiiskearndoel dat de provinsje Fryslân fêstlein hat, berikke jo dat net. It Fuortset Underwiis Profyl A, it heechste, foar learlingen mei Frysk as memmetaal is: “De leerling leert zich mondeling en schriftelijk begrijpelijk uit te drukken en zich te houden aan taalconventies die voor het Fries gelden (spelling, grammaticaal juiste zinnen, woordgebruik).”Provinsje Fryslân, ‘Beleidsregel voor het verkrijgen van ontheffing voor het vak Fries in het primair en voortgezet onderwijs’, Provinciaal blad 2015 nr. 3671, 26 juni 2015, 5. Mar, seit de Rie fan Europa dy’t de profilen foar bûtenlânske taalbehearsking ûntwikkele hat: “It cannot be overemphasised that Level C2 [it heechste taalbehearskingsprofyl] is not intended to imply native speaker competence or even near native speaker competence.”Council of Europe, Relating language examinations to the Common European Framework of Reference for languages: Learning, Teaching, Assessment (CEFR). A manual, (Straatsboarch 2009) 123. Foar in bettere Europeeske yntegraasje moat in Frânsman him mûnling en skriftlik begryplik útdrukke kinne yn in oare taal,Council of Europe, Common European framework of reference for languages: Learning, teaching, assessment (Cambridge 2001) 2. mar hy hoecht T.S. Eliot net ûntsiferje te kinnen, is de Rie fan Europa fan betinken. Ingelsen kinne sels ek net allegearre har dichters bedjipje.

‘Native’ of twatalige taalbehearsking is gelikens oan ’e taalbehearsking fan in behoarlik oplate memmetaalsprekker. Dat wie fan âlds ek de groep dy’t romans, koarte ferhalen, gedichten en toanielstikken lies.Nicholas Zill en Marianne Winglee, Who reads literature? Survey data on the reading of Fiction, Poetry, and Drama by U.S. adults during the 1980s, rapport foar de National Endowment for the Arts (Washington 1988) 1 Hjoed makket de demokratisearring dat mear minsken trochleare dy’t fan hûs út net wûn binne om literatuer te lêzen en dy dogge dat nei skoalle ek net.T. Witte, ‘Op zoek naar een ‘gezond’ curriculum voor het literatuuronderwijs’, Taalunie <http://taalunieversum.org/inhoud/von-cahier-1/op-zoek-naar-een-gezond-curriculum-voor-het-literatuuronderwijs> [krigen 9 maart 2017]. Wa’t de kleau tusken de boppelaach en de massa oerbrêgje wol mei in sutelaksje moat him wol realisearje—ek te finen op Wikipedia—dat it elitêre karakter fan de keunst stammet út de prehistoarje. Dus as, litte wy sizze, fan de leechstoplaten ien op de fjouwer minsken literatuer ynklusyf stripboeken lêst en fan de heechstoplaten trije op de fjouwer,Peggy de Laet, Ignace Glorieux en Theun Pieter van Tienoven, ‘Van kaft tot kaft: Leesgedrag en bezoek aan literaire evenementen’, yn: John Lievens en Hans Waege (red.), Participatie in Vlaanderen 2. Eerste analyses van de participatiesurvey 2009 (Leuven / Den Haag 2011) 197-218, 201-203. en dat allinne dejingen mei de heechste Fryske taalbehearsking Fryske literatuer lêze, wat wolle se dan noch?

Dat wy dochs mei syn allen boeken keapje. Want, seit Freud, ûnwolkomme tinzen en disfunksjonele driuwôfwarren ferdwine net.

Noaten

  1. Provinsje Fryslân, ‘Promotie Friese literatuur door de Afûk’ <http://www.fryslan.frl/home/nieuws_3166/item/promotie-friese-literatuur-door-de-afuk_4081.html> [krigen 3 maart 2017].
  2. Antti Revonsuo, ‘The reinterpretation of dreams: An evolutionary hypothesis of the function of dreaming’, Behavioral and Brain Sciences 23:6 (2000) 877-1121, 891.
  3. Libby Coleman, ‘There’s a word for buying books and not reading them’, OZY, 8 okober 2016 <http://www.ozy.com/acumen/theres-a-word-for-buying-books-and-not-reading-them/71898> [krigen 6 maart 2017].
  4. Sjoch ‘Positional goods’, Investopedia <http://www.investopedia.com/terms/p/positional-goods.asp> [krigen 7 maart 2017].
  5. Jonathan McCalmont, ‘Why do people buy books they don’t read?’, ruthless culture, 24 jannewaris 2012 <https://ruthlessculture.com/2012/01/24/why-do-people-buy-books-they-dont-read/> [krigen 6 maart 2017].
  6. Deputearre Steaten fan Frylân, ‘Startnota Integrale beleidsbrief cultuur, taal, onderwijs en sport. Projectplan’, 12 oktober 2015, 1 <https://provinciale-begroting.frl/2017/wp-content/uploads/sites/3/2016/09/Startnota-Integrale-Beleidsbrief-CTO-en-S.pdf> [krigen 10 maart 2017].
  7. Provinsje Fryslân, ‘Programma 8: Cultuur, taal en onderwijs: 8.3 Taal, media en letteren’, g.d. <https://provinciale-begroting.frl/2017/planning-control/begroting/programma-8-cultuur-taal-en-onderwijs/8-3-taal-media-en-letteren/> [krigen 6 maart 2017].
  8. Rie fan Steat, ‘2.2 Gebruik van de taal in het bestuurlijk verkeer (artt. 2:6-2:12)’ [PG Awb III, p. 46-84], PG Awb Digitaal, 14 jannewaris 2013, g.s. (alinea ‘Nader rapport’, nû. 2) <http://pgawb.nl/pg-awb-digitaal/hoofdstuk-2/2-2-gebruik-van-de-taal-in-het-bestuurlijk-verkeer/> [krigen 7 maart 2017].
  9. Nachoem Wijnberg, Powerpointpreseintaazje Theories of entrepreneurship and management in the creative industries, Lecture 4, Universiteit van Amsterdam 2015, slide 21.
  10. Rijk en provincie Fryslân, ‘Tussenevaluatie bestuursafspraak Friese taal en cultuur 2013-2018’, Rijksoverheid, 2 desimber 2016, 9 <https://www.rijksoverheid.nl/binaries/rijksoverheid/documenten/rapporten/2016/12/02/tussenevaluatie-bestuursafspraak-friese-taal-en-cultuur-2013-2018/tussenevaluatie-bestuursafspraak-friese-taal-en-cultuur-2013-2018.pdf> [krigen 9 maart 2017].
  11. Provinsje Fryslân, ‘Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2013-2018’, 22 april 2013, 16.
  12. Provinsje Fryslân, ‘Uitvoeringsplan mei hert, holle en hannen’, 20 juni g.j, 9 <http://www.fryslan.frl/document.php?m=7&fileid=139&f=7ed5ba9d5868a52329be14b7c6a4f1a0&attachment=0> [krigen 7 maart 2017].
  13. Provinsje Fryslân, ‘Mei elkenien foar elkenien: Koalysjeakkoart 2015-2019’, 23.
  14. Sigmund Freud, Formulierungen über die zwei Prinzipien des psychischen Geschehens [Leipzig 1911], Kleine Schriften I - Kapitel 24, <http://gutenberg.spiegel.de/buch/kleine-schriften-i-7123/24> [krigen 9 maart 2017].
  15. Provinsje Fryslân, ‘Beleidsregel voor het verkrijgen van ontheffing voor het vak Fries in het primair en voortgezet onderwijs’, Provinciaal blad 2015 nr. 3671, 26 juni 2015, 5.
  16. Council of Europe, Relating language examinations to the Common European Framework of Reference for languages: Learning, Teaching, Assessment (CEFR). A manual, (Straatsboarch 2009) 123.
  17. Council of Europe, Common European framework of reference for languages: Learning, teaching, assessment (Cambridge 2001) 2.
  18. Nicholas Zill en Marianne Winglee, Who reads literature? Survey data on the reading of Fiction, Poetry, and Drama by U.S. adults during the 1980s, rapport foar de National Endowment for the Arts (Washington 1988) 1.
  19. T. Witte, ‘Op zoek naar een ‘gezond’ curriculum voor het literatuuronderwijs’, Taalunie <http://taalunieversum.org/inhoud/von-cahier-1/op-zoek-naar-een-gezond-curriculum-voor-het-literatuuronderwijs> [krigen 9 maart 2017].
  20. Peggy de Laet, Ignace Glorieux en Theun Pieter van Tienoven, ‘Van kaft tot kaft: Leesgedrag en bezoek aan literaire evenementen’, yn: John Lievens en Hans Waege (red.), Participatie in Vlaanderen 2. Eerste analyses van de participatiesurvey 2009 (Leuven / Den Haag 2011) 197-218, 201-203.

Foaropwurd

Fers2 3.4, 26 febrewaris 2017

Sa klear as in klok

image Fers2

Joehoe Skanomodu, hee, Y-SKrift, foarhoede fan Fryslân! Pst, Stenden! Ien of oare ayo makket net út wêr op ierde! Noeget it evenemint European Capital of Culture (ECOC) no út ta it neier besjen fan de relaasjes tusken city promotion, nasjonalisme en literatuer, of net? Gjin antwurd. Y-SKrift, twa jier lyn sa fleurich oplitten, docht sels al moannen lang neat mear. Meie wy dêrút ôfliede dat de Fryske kultuer, en it bestudearjen dêrfan, hielendal net nijsgjirrich is, as it de Fryske kultuer fan nei 2000 oanbelanget?

Och, wat soe in “Nee” [punt] op dit plak hearlik wêze. Hoopfol tinken en neat oars is wat Fryslân al desennialang driuwende hâldt. En in ôfwoegen akademysk ‘iene kant oare kant’-antwurd docht it net goed sa heech yn in tekst. De dos and don’ts fertelle jo om yn ’e yntroduksje jo ferhaal gear te fetsjen ta ien line, om krekt letter de spesifiteiten útinoar te setten. Mar wat te dwaan yn in—ûn­ûndersochte—kultuer dy’t net mear fierder komt as yntroduksjes? Dêrom, oan ’e iene kant ja. De Fryske Akademy docht de iermoderne Fryske kultuer, de fakgroep Sosjology hat wat belieds­ûndersyk nei in ûnderwiistool dien en op dit stuit rint der gjin moderne kultuerprojekt.

Oan ’e oare kant nee. Der is sjoernalisme, lykas fan Pieter de Groot yn ’e Ljouwerter Krante, dat troch it heit-oan-’e-sydline-kommentaarformat beheind is, mar dat betsjut net dat der gjin ûndersyk west hat. Der is ûndersyks­sjoernalisme oerrinnend yn esseeïstyk lykas fan Erik Betten, der is ûnôfhinklik ûndersyk yn kollumfoarm fan Eric Hoekstra, en der is wat ûndersyk nei hjoeddeiske Frysk-kulturele prosessen fan Nanna Hilton en Goffe Jensma. Werom nei de iene kant, traapje net yn skynredenen: dat nammen mei in beskaat gesach de matearje observearje seit neat oer syn nijsgjirrichheid. Of wittenskiplike relevantens. Of praktyske ûnmisberens foar in iepenbier petear oer hoe’t wy fierder wolle mei ús Fryske kultuer en literatuer.

Sadree’t bliken die, út in ûndersyk fan 2004, dat de ECOC in ynstrumint wêze koe foar sosjo-ekonomyske foarútgong waarden haadstêden keazen om har sosjo-ekonomysk potinsjeel en—dat wurdt der selden by sein om’t it sa fansels is—har winsk ta sosjo-ekonomyske ûntjouwing. De faktoaren dy’t in sosjo-ekonomyske bydrage leverje binne frij dúdlik oan te wizen, hjir in fragmint út it rapport:

There is not … a recipe or formula for success for ECOC. However, there were a number of common success factors raised by respondents. These included:

  • Local involvement: the engagement and ownership by the local population is crucial.
  • “It is very important to make projects with and not for citizens”

  • Partnerships: the development of partnerships with many different stakeholders is of primary importance: cultural institutions, local independent arts groups, business and tourism sectors and social services/community organisations.
  • “Profound collaboration with local partners”

  • Long-term planning: both advance planning and post-ECOC planning are essential.
  • “Plan before and after the journey, and always exceed the speed limit”

  • Political independence and artistic autonomy: the cultural programme should not be influenced by political interests and the operational structure should have artistic autonomy.
  • “Never leave it (the cultural programme) in the hands of the politicians”

  • Clear objectives: clearly defined aims and objectives must be developed.
  • “Defined goals and a clear profile”Robert Palmer, European cities and Capitals of Culture: Study prepared for the European Commission, Part I (Brussel 2004) 152.

Wat ‘socio-economic development’ is ha wy opsocht op WiseGeek, ‘clear answers for common questions – with images’. Dy plaatsjes litte bouplakken sjen: keale platwalste grûn, hijskranen, giele heskes, koartsein it deistich skouspul foar Friezen & besikers. It ein fan de nasjonalistyske romtlike oardering mei syn natuerlik plak foar provinsjes en stêden yn de naasjessteat, fan 1970 ôf, brocht de city-planners yn in folslein oare situaasje. Privatisearring, deregulearring en liberalisearring ferswakke de organisaasjes fan de arbeidersklasse, fan âlds de bewenners fan de stêden dy’t om dy reden oant doe ta assosjearre waarden mei gearheapingen fan sosjale ellinde. Ljouwert leit dy link no noch nammers. De boarge­master klinkt tefreden no’t syn Ljouwert hast itselde persintaazje betize lju hat as Haarlim en Nimwegen: “Steden met een regiofunctie, waar mensen met psychische problemen nu eenmaal naartoe trekken.”Stef Altena, ‘Leeuwarden hoog in lijst met verwarde personen’, Leeuwarder Courant, 21 febrewaris 2017 <http://www.lc.nl/friesland/Leeuwarden-hoog-in-lijst-met-verwarde-personen-22013940.html> [krigen 21 febrewaris 2017]. Mar de postyndustriële stêd waard in riant plak foar grutte tsjinstferlienende bedriuwen. Dat easke dat stêden oer har ‘natuerlike’ grinzen hinne mondiaal konkurrearren om dy bedriuwen en de wurkgelegenheid, dêr’t de steat net langer mear foar soarge, te lokjen.Ewald Engelen, Sukhdev Johal, Angelo Salento en Karel Williams, ‘How to build a fairer city’, The Guardian, 24 septimber 2014 <https://www.theguardian.com/cities/2014/sep/24/manifesto-fairer-grounded-city-sustainable-transport-broadband-housing> [krigen 20 febrewaris 2017]. Om de konkurrinsje te streamlynjen set Europa ûnder mear syn ECOC yn. Nasjonalisme liket plak makke te hawwen foar Eurosintrisme en ‘local partners’ bestean net mear no’t virtual residency de betsjutting fan pleatslik op losse skroeven set hat.

It allerbekendste foarbyld fan de bân tusken nasjonalisme en literatuer is wol Dante Alighieri syn kar om La divina commedia net te dichtsjen yn it Latyn, dat foarskrift wie foar literêre teksten en epyske poëzij, mar yn syn Toskaanske sprektaal. Foar de Commedia brekt Dante in analytyske ferhanneling ôf, dy’t bepleitet om yn it Toskaansk te skriuwen út reden fan nasjonale ienheid en ûnôfhinklikens.

Lit ús, dan, earst freegje oft elkenien dy’t poëzij yn ’e sprektaal skriuwt it yn syn prachtige foarm brûke moat; de oerflakkige neifreger mei it talykje dat se dat moatte, want elkenien dy’t poëzij skriuwt moat syn rigels sa moai meitsje as mooglik is; en dêrom, om’t neat sa’n skitterende fersiering jout as de prachtige sprektaal, liket it dat alle skriuwers fan poëzij it brûke moatte.Dante Alighieri, Dantis De vulgari eloquentia, Libris II, 1 [1304 -7] (Frankfurt a.M. 1917) 39 (r9-14). Us oersetting. Oant ein trettjinde ieu wie Latyn de lingua franca troch Itaalje hinne, dat in ferskaat fan sterke dialekten hie. Mar geandewei wie it Toskaansk as de sterkste fan de Italjaanske sprektalen nei foaren kommen. Hoewol’t skriuwers yn it algemien it Latyn en de sprektaal neist inoar brûkten, skreaune guon lyryske dichters yn de sprektaal. Dante fiert harren wurk oan as bewiis foar de deugdlikheid fan syn argumint.

Dat útsprutsen yn ferbân bringen fan nasjonaal boargerskip mei literatuer krijt neifolging. Gesachhawwende wurken fan dichters en skriuwers helpe om dialekten fan offisjele talen fan in ynformele nei in erkende status te bringen, seit professor taal en alfabetisearring Joseph Lo Bianco.Joseph Lo Bianco, ‘Language policy and planning’, yn: N. H. Hornberger en S. L. McKay (red.), Sociolinguistics and language education (Clevedon, GBR 2010) 143-176, 148.

Mar Lo Bianco wiist derop dat it erkend krijen fan taal—en naasje—kin troch dominante noarmen fan wat elitêr en prestizjeus is te ûnderstypjen, lykas Dante syn ferhanneling útstelt, of troch “transgressive kinds of prestige [that] confer cultural capital, the material and symbolic resources valued by particular communities.”Joseph Lo Bianco, ‘Language policy and planning’, yn: N. H. Hornberger en S. L. McKay (red.), Sociolinguistics and language education (Clevedon, GBR 2010) 143-176, 148. Propaganda kin mar al te maklik it plak ynnimme fan, dat wol sizze, as literatuer. Lo Bianco neamt hjir it konsept thought control fan George Orwell (Fers2 is net de iennichste dy’t wolris wat sjarzjearret). Meastal sil it net sa út de hân rinne, mar etnysk konflikt en etnyske emansipaasje bringe altyd in oanfjochtsjen en in nije bepaling fan taalprestiizje mei har mei. Literatuer hat in hege sosjale wearde en is dus uterst nuttich foar in groep dy’t him profilearje wol, mar de fraach is hokker literatuer dan as noarm nommen wurdt. Hokker wurk mei de basis fan taalstanderdisearring foarmje, wat wurdt al en net opnommen yn ’e kanon, nei hokker wurk wurdt wol of net wittenskiplik ûndersyk dien?

Hoewol’t beide har fûl ferset hawwe tsjin kulturele oerhearsking troch de wei fan har literatuer, is der in grut ferskil yn it ferheegjen fan taalprestiizje tusken Sir Walter Scott en Waling Dyskstra. Dykstra skreau yn de sprektaal, ynbegrepen it Biltsk, en ûnderstipe de orale literatuer fan de legere sosjale strata yn direkte útwikseling mei syn publyk. Scott ûndersocht de orale tradysje fan de Scottish Borders wol, mar proaza waard besjoen as ynferieur middel om histoaryske foarfallen mei te sketsen en Scott, dy’t ferneamd wurden wie mei poëzij, joech krekt nei’t er fallyt gien wie er ta dat de populêre Waverleysearje fan him wie. Scott besocht yn syn wurk de polite language, de taal fan de beau monde dy’t yn Ingelân yn de rin fan de achttjinde ieu de skriuwtaal wurden wie sûnder dat it echt oraal brûkt waard, te ferienjen mei de minachte taal fan de lege sosjale klassen. Scott syn wurk jout dus in fuortsetting fan de polite language. Al is de ôfwizing fan folkstaal (en kultuer) der folle minder strang, de noarm bliuwt ferfining.Andrew Lincoln, ‘Walter Scott, Politeness, and Patriotism’, yn: Orrin N.C. Wang (red.), Romanticism and patriotism: Nation, empire, bodies, rhetoric, A Romantic Circles Praxis Volume, 2006, g.s. <https://www.rc.umd.edu/praxis/patriotism/lincoln/lincoln_essay.html> [krigen 20 febrewaris 2017]. Foar in goed begryp fan de saak is it fan belang te witten dat gewoane minsken de boeken fan Jane Austen, troch har brûken fan polite language, net lêze koene.Richard J. Watts, Language myths and the history of English (Oxford / New York 2011) 210-211. Mar wa’t Scott in healslachtige hâlding ferwyt, betink dat by ús, op ’e drompel fan it kulturele haadstêdevenemint, de saneamde folksskriuwerij in lege kulturele wearde hat, wylst tagelyk it oersetten nei it Frysk, it bepriizgjen, it beurs takennen en it jaan fan media-omtinken hast inkeld it populêre sjenre fan no treft.

Ferfolch

Fact check: de kontroverse oer Bert Looper syn Kursus Fryslânkunde-crowd

“Een paar honderd belangstellenden kwamen gisteren af op de kursus.”

image
Foto Friesch Dagblad. Net yn byld: de oare 100 provinsje-amtners.

Jamar 10 stoelen kear 10 rigen is 100 ‘nigethawwers’…

* Nee. “[O]ne of the networks [liet] an empty field [sjen, wylst ik in mannichte seach dy’t] looked like a million-and-a-half people [en] went all the way back to the Washington Monument.”

* “[W]e caught [the media] in a beauty, and I think they’re going to pay a big price.”

* “This was the largest audience ever to witness an … , period, both in person and around the globe.”

Call for papers

In tige bluodrich konflikt as basis foar Fryske boargerdissiplinearring?

“Wat ús byinoar hâldt”, seit histoarikus Bert Looper, “is it Fryske frijheidsprivileezje fan 1417, in krêftich konsept troch de ieuwen hinne.” Okee. Wa hat hjir in antwurd op of just gjin antwurd op? Ynstjoeringen maks. 3000 wurden. Foar ynformaasje mail ús.

Stêd betsjut yn Fryslân net mear as dat alve yn finansjeel swier waar bedarre midsieuske lânhearen stêdsprivileezjes ferkocht ha; har jildneed kaam om’t har grûngebiet net in soad opbrocht en om deselde reden waarden de autonome stedsjes gjin metropoalen. Ek bestiet it ûnderskied stêd-plattelân net mear yn de hurd fierder asfaltearre, betonnisearre en yndustrialiearre regio. Dochs binne stêd en literatuer nau ferbûn. Sûnder mis hat de urbane romtlike en sosjale oardering ynfloed op de skriuwer syn belibjen, literêre kar en ekspresje; taal en kulturele kondisjonearring beynfloedzje it kritysk tinken.Sjoch bygelyks Frederick A. Ricci en Hui Fang Huang “Angie” Su, ‘Cultural conditioning: Influences on critical thinking’, Journal of the Worldwide Forum on Education and Culture 5 (2013) 1, 47-54. Fûneminteel oars is it tiidstinken, seit Pier Paolo Pasolini. Pasolini teoretisearret dat de oergong fan it boerelibben mei syn mytyske modellen nei in stedse kultuer fan modernisearring gearfalt mei in feroaring yn de opfetting fan tiid. De plattelânswrâld wie sletten, mei in syklyske tiid basearre op in ivich weromkommen, foar in lineêre tiid oer dy’t útgie fan in ein, neffens de ferlossings­lear fan it kristendom. De yntree fan it nije tiidsidee, seit Pasolini, markearret it ferlitten fan it boerelibben en de plattelâns­modellen en it opjaan fan de heidenske opfetting fan hieltyd werom­kommende tiid.Pier Paolo Pasolini, Scritti corsari (Milaan 1975) 104-5.

Pasolini hat it oer hoe’t materiële relaasjes it kulturele hanneljen en tinken bepale en hy hat it dêrom ek—of just, om de propagandarol dy’t it spylje kinDaniele Fioretti, Utopia and dystopia in postwar Italian literature: Pasolini, Calvino, Sanguineti, Volponi (New York, NY 2017) 90.—oer literatuer; hy wurket syn teze út yn in iepen brief oan Italo Calvino. Sjogge wy net it literêre libben, it literêre wurk en it literêre artefakt as mar al te einich, ynstee fan dat literatuer in ein yn himsels is en in fan generaasje op generaasje trochgeande ekspresje fan ús minsklikens? En dan seit Pasolini—dy’t like fassinearre wie troch dialekten om har rike en krêftige ekspresje, as dat Calvino foar in ienheidstaal wieMaria Antonietta Grignani, ‘Calvino, Italo’, Enciclopedia dell'Italiano, 2010 <http://www.treccani.it/enciclopedia/italo-calvino_(Enciclopedia-dell'Italiano)/> [krigen 20 febrewaris 2017].—dit:

It plattelânske universum (dêr’t de stedske ûnderklassen by hearre en, feitlik, oant in pear jier lyn dy fan de minderheidsarbeiders—om’t dy de wiere minderheid wiene … ) is in transnasjonale wrâld: it erkent sels gjin naasjes. It is it oerbliuwsel fan in eardere beskaving (of in mannichte eardere beskavingen dy’t allegearre in soad op inoar liken), en de hearskjende klasse (nasjonalistysk) joech it surplus foarm neffens har belangen en har politike doelen.Pier Paolo Pasolini, Scritti corsari (Milaan 1975) 66.

‘Mienskip’, in echo fan it plattelânske libben dat wy efter ús litten ha, is in opleine, tige beheinde struktuer dy’t net uze en net jo belangen tsjinnet. Mar it bewarjen fan it lokalisme dêr’t Pasolini foar pleitet is hiel wat oars as it weromfinen fan lokalisme dat tsjintwurdich troch allerhanne planologen oanmoedige wurdt. De tradysjes fan hjoed binne útfûn, lykas it nasjonalisme útfûn wêze soe. Mar, leit Giulio Sapelli út, neffens Pasolini wjerspegelen de nasjonalismen dy’t er minusjeus analysearre wiswol “in argaysk elemint dat oerlevere wie troch de taal fan de sprekkers, oan wa’t de yntellektuelen stim joegen.Giulio Sapelli, Modernizzazione senza sviluppo: Il capitalismo secondo Pasolini (Milaan 2005) 33. Pasolini syn punt is just dat it proses no omkeard is: lokale identiteiten komme fuort út ferset tsjin homogenisaasje en binne dêrom oppakt troch “nije politike klassen as in ynstrumint foar de oligarchyske machtsstriid” en de yntellektuelen sizze lang net altyd nee.Giulio Sapelli, Modernizzazione senza sviluppo: Il capitalismo secondo Pasolini (Milaan 2005) 33.

Ja, dat is dúdlik. Hoe kamen wy derby dat it in nijsgjirrich ûndersyksterrein wêze soe. Al foar 1975, it jier fan Pasolini syn dea, wie it allegearre sa klear as in klok.

Noaten

  1. Robert Palmer, European cities and Capitals of Culture: Study prepared for the European Commission, Part I (Brussel 2004) 152.
  2. Stef Altena, ‘Leeuwarden hoog in lijst met verwarde personen’, Leeuwarder Courant, 21 febrewaris 2017 <http://www.lc.nl/friesland/Leeuwarden-hoog-in-lijst-met-verwarde-personen-22013940.html> [krigen 21 febrewaris 2017].
  3. Ewald Engelen, Sukhdev Johal, Angelo Salento en Karel Williams, ‘How to build a fairer city’, The Guardian, 24 septimber 2014 <https://www.theguardian.com/cities/2014/sep/24/manifesto-fairer-grounded-city-sustainable-transport-broadband-housing> [krigen 20 febrewaris 2017].
  4. Dante Alighieri, Dantis De vulgari eloquentia, Libris II, 1 [1304 -7] (Frankfurt a.M. 1917) 39 (r9-14). Us oersetting. Oant ein trettjinde ieu wie Latyn de lingua franca troch Itaalje hinne, dat in ferskaat fan sterke dialekten hie. Mar geandewei wie it Toskaansk as de sterkste fan de Italjaanske sprektalen nei foaren kommen. Hoewol’t skriuwers yn it algemien it Latyn en de sprektaal neist inoar brûkten, skreaune guon lyryske dichters yn de sprektaal. Dante fiert harren wurk oan as bewiis foar de deugdlikheid fan syn argumint.
  5. Joseph Lo Bianco, ‘Language policy and planning’, yn: N. H. Hornberger en S. L. McKay (red.), Sociolinguistics and language education (Clevedon, GBR 2010) 143-176, 148.
  6. Joseph Lo Bianco, ‘Language policy and planning’, yn: N. H. Hornberger en S. L. McKay (red.), Sociolinguistics and language education (Clevedon, GBR 2010) 143-176, 148.
  7. Andrew Lincoln, ‘Walter Scott, Politeness, and Patriotism’, yn: Orrin N.C. Wang (red.), Romanticism and patriotism: Nation, empire, bodies, rhetoric, A Romantic Circles Praxis Volume, 2006, g.s. <https://www.rc.umd.edu/praxis/patriotism/lincoln/lincoln_essay.html> [krigen 20 febrewaris 2017].
  8. Richard J. Watts, Language myths and the history of English (Oxford / New York 2011) 210-211.
  9. Sjoch bygelyks Frederick A. Ricci en Hui Fang Huang “Angie” Su, ‘Cultural conditioning: Influences on critical thinking’, Journal of the Worldwide Forum on Education and Culture 5 (2013) 1, 47-54.
  10. Pier Paolo Pasolini, Scritti corsari (Milaan 1975) 104-5.
  11. Daniele Fioretti, Utopia and dystopia in postwar Italian literature: Pasolini, Calvino, Sanguineti, Volponi (New York, NY 2017) 90.
  12. Maria Antonietta Grignani, ‘Calvino, Italo’, Enciclopedia dell'Italiano, 2010 <http://www.treccani.it/enciclopedia/italo-calvino_(Enciclopedia-dell'Italiano)/> [krigen 20 febrewaris 2017].
  13. Pier Paolo Pasolini, Scritti corsari (Milaan 1975) 66.
  14. Giulio Sapelli, Modernizzazione senza sviluppo: Il capitalismo secondo Pasolini (Milaan 2005) 33.
  15. Giulio Sapelli, Modernizzazione senza sviluppo: Il capitalismo secondo Pasolini (Milaan 2005) 33.

Foaropwurd

Fers2 3.3, 12 febrewaris 2017

Uzes is de iennichste kultuer

image Fers2
“141. The Committee of Experts strongly urges the Dutch authorities to ensure the teaching of the history and the culture which is reflected by Frisian.” Komitee fan Eksperts, Rie fan Europa, 2016.

Mark my words!” It omdelgean fan ’e kultuer­partsipaasje, dat de provinsje op 19 desimber útfûn hie,Provinsje Fryslân, ‘Cultuurparticipatie in Fryslân 2016’, 19 december 2016 <http://www.fryslan.databank.nl/report/Cultuurparticipatie%202016.pdf> [krigen 12 jannewaris 2017]. wie in ferlechje foar allehanne flauwekulbelied om de partsipaasjekrisis te bestriden, hie Abe sein. En ja hear: de provinsje hat in miljoen útlutsen foar kultuerûnderwiis oan Fryske basis­skoalle­learlingen, sadat it kultuerûnderwiis, om krekt te wêzen muzyk, sjongen, keunst en taal, in fêst ûnderdiel wurdt fan it lesprogramma, dêr’t de learkrêften dan foar byspikere wurde sille.‘Miljoen voor cultuuronderwijs Friese leerlingen’, Leeuwarder Courant, 2 febrewaris 2017 <http://www.lc.nl/friesland/Miljoen-voor-cultuuronderwijs-Friese-leerlingen-21972588.html> [krigen 4 febrewaris 2017]. Hie dan net krekt de Monitor Cultuuronderwijs fan it ministearje fan UKW fêststeld dat der net safolle feroare is neffens 2013-14? Dat fierwei de measte skoallen neitocht hawwe oer har fisy op kultuerûnderwiis en in programma oanbiede om de bern yn kontakt te bringen mei in breed oanbod fan keunst en kultuer en, wat de saakkundigens­befoardering onbelanget, dat 85 persint fan de skoallen in kultuer­koördinator hat?J. Kruiter; K. Hoogeveen; S. Beekhoven; M. Kieft; M. Bomhof, Monitor Cultuuronderwijs in het primair onderwijs en programma Cultuureducatie met kwaliteit (peiling 2015/16) (Utrecht 2016). Of stean de restearjende 15 persint net-saakkundige skoallen allegeare yn Fryslân? Ek hiene bern ûnder de achttjin net meidien oan it partisi­paasje­ûndersyk fan de provinsje—teminsten offisjeel net, mar mei thús ynfolle enkêtes witte jo it net—dat de kultuerpartisipaasje fan Fryske bern is ûnbekend.

Mar ferline jier hie in professor Kultuer en Kognysje in praatsje holden, ‘Why cultural education matters.’ It die derta, sei er, om’t bern ferlet ha fan ynsjoch yn de karakteristiken fan ’e Europeeske kultuer.Barend van Heusden, ‘Education Talks: Why cultural education matters’, School Education Gateway, 29 maart 2016 <https://www.youtube.com/watch?v=kUCYtFp6MtI> [krigen 6 febrewaris 2017]. It is yn dizze wrâld hâlden en kearen om bern yn har basis­ferlet te foarsjoen te krijen, mar in bern mei in ûnferfolle ferlet fan ynsjoch yn de Europeeske kultuer, dat wie nijs.

De Rie fan Europa (RfE) hie him foar it earst aktyf mei kultuer bemuoid yn 1995, mei it projekt ‘Culture, creativity and the young’. It idee wie dat maat­skippijen, tsjin de eftergrûn fan de politike, technologyske, akademyske en kulturele feroaring fan Europa, keunst befoarderje moasten en sadwaande de yndividuele frijheid, kulturele diversiteit en sosjale kohesy fuortsterkje. It kultuer­komitee fan de RfE ûndersocht net allinnich it formeel ûnderwiis, mar ek oft profesjonele keunstners by it ûnderwiis belutsen waarden en oft de learlingen bûtenskoalske aktiviteiten hiene lykas meidwaan yn literêre kriten. Mar it soe net lang gean oer keunst, skoalle en bern. Yn 2006 kaam der in Europeeske konferinsje oer kultuer­edukaasje mei as titel, ‘Promoting Cultural Education in Europe. A Contribution to Participation, Innovation and Quality’. De oanlieding wie:

When the current EU-priorities are based on … the promotion of a common cultural identity it becomes immediately evident that these priorities might follow a political wish. But they are not (yet) grounded on a common European narrative … to make the inhabitants of Europe think, feel and act European. As there is up to now a very weak common European … cultural representation … most of the political phrases concerning the evocation of a common cultural identity are proved to be mere lip services. And so it is hardly surprising that the latest proposal for a common European constitution was confirmed by politicians of a series of national assemblies … but rejected by the electorate of France and the Netherlands.Michael Wimmers, Promoting cultural eduction in europe: A contribution to participation, innovation and quality, Pre-conference reader for the European Conference, yn Graz (Eastenryk), 8 - 10 juny 2006 (Wenen 2006).

Tsja. Wy hiene ek net foar stimd. Hoe koene wy aan ha fan de gefolgen foar ús bern. Efkes letter kaam it ferdrach fan Lissabon der dêr’t likernoch itselde yn stiet as yn ’e misbetearde Europeeske grûnwet, mar dat seit dat wy der no gerêst op wêze kinne dat se net langer mei kultueredukaasje ús jeugd ta in ‘common cultural identity’ assimilearje. In stúdje foar de Europeeske kultuer­edukaasje­konferinsje fan simmer 2016 seit sûnder te ferblikken dat “the fact that education in the arts and culture in postmodern situation is facing complex challenges and difficult to overcome adverse inertial processes” en “all these policies, measures and strategies are insufficient to deal with them and mastering them” needsaaket ta nasjonaal ynnovatyf belied fan ’e lidsteaten fan de Europeeske Uny troch in breed ynter­nasjonaal netwurk fan kultuer-, keunst- en ûnderwiis­ynstellingen op te setten; it oparbeidzjen mei keunstners is ferfongen troch netwurkjen mei “strategyske … platfoarmen”.Stoyan Denchev, Evgeni Velev, Irena Peteva, Merian Veleva, ‘Problems and Prospects for the Education of Arts and Culture in the EU in the Postmodern Situation’, yn: Pixel (red.), Conference proceedings, International Conference ‘The future of education’, 6th Ed. yn Florence, Italië, 30 juny - 1 july 2016 (Limena 2016) 36-39, 38. Mar de ‘komplekse fraachstikken’ en ‘logge prosessen’ wurde net beskreaun. Wat is no eins it probleem?

In probleem is faaks in Nederlânske stúdzje nei it effekt fan kultuer­edukaasje op de middelbere skoalle, dat de kultuer­partisipaasje fan learlingen tsien oant tweintich jier nei’t se fan skoalle ôf wiene ûndersocht. It liet sjen dat dy lettere partisipaasje ôhinget fan kultuerpartisipaasje as lyts bern en fan de opfieding fan de âlden. De ûndersikers hawwe dêrnei ek sjoen nei it effekt fan nije kultuerûnderwerpen dy’t oanlokliker wêze soene foar de learlingen en ek nei mear hege kultuer yn de kultuer­edukaasje. Dat lêste hie wol efkes ynfloed. De learlingen partisipearren yndie mear yn hege kultuer, neist de populêre kultuer. Mar nei twa jier wie dat effekt útdôve; de determinant is de kultuer­partisipaasje fan de âlden.Folkert Haanstra en Diederik W. Schönau, ‘Evaluation research in visual arts education’, yn: Liora Bresler (red.), International handbook of research in arts education (Dordrecht 2007) 427-442, 437. Dat Amerikaansk ûndersyk optimistysker is as Nederlânsk komt om’t dat ûndersyk de ynfloed fan de âlden ûnderskat en dus net genôch kontrolearret foar de sosjalisaasje­ynfloed fan thús. Datselde jildt foar it kultuer­partisipaasje­ûndersyk fan de provinsje, dat ek net freget nei dy relevante eftergrûn­faktoaren.Provinsje Fryslân, ‘Cultuurparticipatie in Fryslân 2016’, 19 december 2016, 36 <http://www.fryslan.databank.nl/report/Cultuurparticipatie%202016.pdf> [krigen 12 jannewaris 2017]. As jo wachtsje oant de middelbere skoalle binne jo deagewoan te let mei de kultuer­edukaasje fan de bern, dan ha de âlden har ferneatigjende wurk al dien.

In oar probleem is miskien in oar rottich ûndersyk. It liet sjen dat keunst­learkrêften it ûnderwiis gewoanlik sjogge as offisjele, objektive kennis­oerdracht en foarby geane oan politike en kulturele wriuwing. Se rjochtsje har op it oanbieden fan de kearn fan de kultuer sa’t dy yn de kanon fêstleit, krekt sa’t de kultuer­koördinator dat koördinearret, en op de wearden en idealen fan de dominante kultuer en hja miene dat dat de fansels­sprekkende, apolitike oanpak is. Mar bliken docht dat dy beneiering just net frij is fan polityk. It is it oplizzen fan bygelyks in wyt, midden­klasse, kristlik kultuerramt, as ‘uzes is de iennichste kultuer’ en as de iennichste standert dêr’t alle kultuer­uteringen mei hifke wurde kinne.Nurit Cohen Evron, ‘Conflict and peace: Challenges for arts educators’, yn: Liora Bresler (red.), International handbook of research in arts education (Dordrecht 2007) 1031-1048, 1034. Tsien oant tweintich jier nei it ferlitten fan de basiskoalle mei de Fryske kultuer­edukaasje is dat krekt de attitude dy’t de takomstige PVV-stimmers hawwe sille. Mark our words!

Noaten

  1. Provinsje Fryslân, ‘Cultuurparticipatie in Fryslân 2016’, 19 december 2016 <http://www.fryslan.databank.nl/report/Cultuurparticipatie%202016.pdf> [krigen 12 jannewaris 2017].
  2. ‘Miljoen voor cultuuronderwijs Friese leerlingen’, Leeuwarder Courant, 2 febrewaris 2017 <http://www.lc.nl/friesland/Miljoen-voor-cultuuronderwijs-Friese-leerlingen-21972588.html> [krigen 4 febrewaris 2017].
  3. J. Kruiter; K. Hoogeveen; S. Beekhoven; M. Kieft; M. Bomhof, Monitor Cultuuronderwijs in het primair onderwijs en programma Cultuureducatie met kwaliteit (peiling 2015/16) (Utrecht 2016).
  4. Barend van Heusden, ‘Education Talks: Why cultural education matters’, School Education Gateway, 29 maart 2016 <https://www.youtube.com/watch?v=kUCYtFp6MtI> [krigen 6 febrewaris 2017].
  5. Michael Wimmers, Promoting cultural eduction in europe: A contribution to participation, innovation and quality, Pre-conference reader for the European Conference, yn Graz (Eastenryk), 8 - 10 juny 2006 (Wenen 2006).
  6. Stoyan Denchev, Evgeni Velev, Irena Peteva, Merian Veleva, ‘Problems and Prospects for the Education of Arts and Culture in the EU in the Postmodern Situation’, yn: Pixel (red.), Conference proceedings, International Conference ‘The future of education’, 6th Ed. yn Florence, Italië, 30 juny - 1 july 2016 (Limena 2016) 36-39, 38.
  7. Folkert Haanstra en Diederik W. Schönau, ‘Evaluation research in visual arts education’, yn: Liora Bresler (red.), International handbook of research in arts education (Dordrecht 2007) 427-442, 437.
  8. Provinsje Fryslân, ‘Cultuurparticipatie in Fryslân 2016’, 19 december 2016, 36 <http://www.fryslan.databank.nl/report/Cultuurparticipatie%202016.pdf> [krigen 12 jannewaris 2017].
  9. Nurit Cohen Evron, ‘Conflict and peace: Challenges for arts educators’, yn: Liora Bresler (red.), International handbook of research in arts education (Dordrecht 2007) 1031-1048, 1034.

Foaropwurd

Fers2 3.2, 29 jannewaris 2017

Leaver net, Of, Hoe sit it mei de twa haadsponsors fan de Kulturele Haadstêd?

image Fers2

Meidwaan? Leaver net! Soe it antwurd west ha as Fers2 frege wie te partisipearjen yn it “feest”De trije Fryske tydskriften mei omtinken foar literatuer, Ensafh, de Moanne en Y-Skrift, fiere in feest om de presintaasje fan de bondel hinne; hja organisearje gjin literêre wurkkonferinsje of wittenskiplike stúdzjedei (mear bekend by de Fers2-redaksje). om it ferskinen fan de Tsjêbbe Hettingabondel hinne. Omtinken jaan oan ’e publikaasje stie al lang op de Fers2-aginda. Mar Fers2 is, oars as de oare, sponsore tydskriften, net by steat om de ekspertise foar in yngeand literatuerkritysk stik yn te keapjen en mei partners slagget it net mear om dêr in eigen mou oan te meitsjen. It prinsipiële beswier is lykwols dat meidwaan liedt ta minder diversiteit fan de resepsje. Ien grut feest, in dit gefal. De kultuer yn Fryslân is, lykas de ‘net-regulearre’ keunstmerk, in sletten elitesysteem, mei in soad insider knowledge. It effekt dêrfan is it beheinen fan it ferskaat oan keunstuteringen ta lytse fariaasjes op it tema, bygelyks deselde gedichten mar no mei fideo. Dat is te min foar in libbene, him ûntjaande keunst. Fers2 is dêrop tsjin. Mar in fersin mei it emailadres late derta dat der gjin útnoeging om mei te dwaan kaam en wy ha noch wat neiskille mar ûnderwilens krige it nije sponsorskip fan de stichting Kulturele Haadstêd, de provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert stal: mei de ING-bank en it Ondernemersfonds Leeuwarden (LOF).

LOF is it gearwurkingsferbân fan de gemeente Ljouwert mei alle Ljouwerter ûndernimmers. It ûnder­nimmers­fûns kaam der yn 2009 om de kollektive belangen fan de ûndernimmers te bestuiverjen, lykas bedriuwspromoasje, it yn stân hâlden fan de kwaliteit fan bedriuwsterreinen sadat se kosten sparje kinne en it fêstgoed syn wearde beethâldt, oftewol parkmanagement, befeiliging en relaasjes mei it ûnderwiis,‘Wat is LOF?’, Leeuwarder Ondernemersfonds, g.d. <http://www.leeuwarderondernemersfonds.nl/content/wat-is-het-leeuwarder-ondernemers-fonds.html> [krigen 22 jannewaris 2017]. typysk saken dus dy’t net ta it kollektive belang fan alle ûndernimmers hearre. Mar LOF hat in hekel oan ‘free riders’, lju dy’t wol har foardiel dwaan kinne mei foarsjenningen mar der net foar betelle hawwe.‘Wat is LOF?’, Leeuwarder Ondernemersfonds, g.d. <http://www.leeuwarderondernemersfonds.nl/content/wat-is-het-leeuwarder-ondernemers-fonds.html> [krigen 22 jannewaris 2017]. Wat se dien ha om ûndernimmers dy’t net meibetelje wolle oan it fûns fan it LOF—om’t har belangen net yn dat fûns sitte—te twingen om it ûnder­nimmers­fûns te dochs fieden is in gebrûklike trúk by dominante ûnder­nimmers­ferieningen mei freontsjes by de oerheid: mei in opslach op ’e USB.‘Wat is LOF?’, Leeuwarder Ondernemersfonds, g.d. <http://www.leeuwarderondernemersfonds.nl/content/wat-is-het-leeuwarder-ondernemers-fonds.html> [krigen 22 jannewaris 2017]. De ûnreplike saakbelesting foar net-wenten is neat oars as de oanslach foar bedriuwsromte, dêr’t ûndernimmers de eigners fan binne. As jo op dy USB-foarm no in opslach lizze, gewoan in ferheginkje fan 5,5 persint, voilà! Yn 2016 smiet it 842.331 euro op.Gemeente Ljouwert, ‘Begroting 2016 gemeente Leeuwarden, Paragraaf Lokale heffingen’ 3 <https://financieel.leeuwarden.nl/begroting/2016-2019/wp-content/uploads/2015/09/Paragraaf-Lokale-heffingen.pdf> [krigen 23 jannewaris 2017]; ‘Leeuwarder Ondernemers Fonds zeker door tot 2021’, Leeuwarder Courant, 30 desimber 2016 <www.lc.nl/friesland/Leeuwarder-Ondernemers-Fonds-zeker-door-tot-2021-21886908.html> [krigen 23 jannewaris 2017]; ‘Leeuwarder Ondernemers Fonds zeker door tot 2021’, Leeuwarder Courant, 30 desimber 2016 <www.lc.nl/friesland/Leeuwarder-Ondernemers-Fonds-zeker-door-tot-2021-21886908.html> [krigen 23 jannewaris 2017].

“Dit fonds kan bijvoorbeeld gebruikt worden,” skriuwt de gemeente Ljouwert, “voor de bekostiging van de Sinterklaas­intocht.”Gemeente Ljouwert, ‘Begroting 2016 gemeente Leeuwarden, Paragraaf Lokale heffingen’, 3 <https://financieel.leeuwarden.nl/begroting/2016-2019/wp-content/uploads/2015/09/Paragraaf-Lokale-heffingen.pdf> [krigen 23 jannewaris 2017]. Jawis, it LOF makket sels twa derfan mooglik. Yn 2011 is de winkeliersferiening fan de Skrâns lilk dat de sinteklaasyntocht dy’t goed tritich jier lang op de Skrâns wie, dêr weihelle wurdt, wylst de winkeliers wol meibetelje oan de yntocht, nammentlik fia it LOF-fûns.Saskia Buitelaar, ‘Leeuwarden zit met twee Sinten in de maag’, Binnenlands Bestuur, 12 oktober 2011 <http://www.binnenlandsbestuur.nl/leeuwarden-zit-met-twee-sinten-in-maag.2278846.lynkx> [krigen 23 jannewaris 2017];Marten de Groot, ‘ ‘Er is geen Sinterklaasoorlog’ ’, Binnenlands Bestuur, 12 oktober 2011 <http://www.binnenlandsbestuur.nl/leeuwarden-zit-met-twee-sinten-in-maag.2278846.lynkx> [krigen 23 jannewaris 2017]. Dat de winkeliersferiening organisearret syn eigen sinteklaasyntocht. Foar dat projekt kin it gewoan stipe freegje by de LOF, ommers it giet om in kwaliteitsympuls oan it bedriuwslibben.‘Leeuwarder Sinterklaasoorlog met twee optochten compleet’, Liwwadders, 9 oktober 2011 <http://www.liwwadders.nl/leeuwarder-sinterklaasoorlog-met-twee-optochten-compleet/> [krigen 23 jannewaris 2017]. Yn 2012 is it wer safier: alle ûndernimmers hawwe al automatysk foar de yntocht betelle en hawwe der likefolle rjocht op, de stichting Sinterklaasorganisatie (SSIL), dy’t stipe wurdt troch it LOF en dus troch de gemeente Ljouwert,Serge Hollander, ‘Over SSIL’, Stichting Sinterklaasintocht Leeuwarden <http://www.sinterklaasleeuwarden.nl/over-ssil/> [krigen 23 jannewaris 2017]. kiest opnij foar it stedssintrum en net foar de Skrâns, SSIL komt opnij mei in feilichheidsargumint dat tritich jier lang nea heard wie,Patrick van ’t Haar, ‘Het rondrijden van twee Sinterklazen moet je niet willen’, Friesch Dagblad, 12 oktober 2011 <http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=56696> [krigen 23 jannewaris 2017]. dat de yntocht oer it spoar hinne riskant is, en de gemeente tinkt dat in oar it petear mei de winkeliersferiening mar oangean moat.‘Leeuwarder Sinterklaasoorlog met twee optochten compleet’, Liwwadders, 9 oktober 2011 <http://www.liwwadders.nl/leeuwarder-sinterklaasoorlog-met-twee-optochten-compleet/> [krigen 23 jannewaris 2017].

Oertsjûgjender as krityk fan ’e ûndernimmers op de prestaasjes fan it LOF is lykwols de klacht fan politisy oer it gemak dêr’t it jild mei ferparte wurdt en brûkt wurdt foar ferantwurdlikheden fan de gemeente, lykas it opsetten fan trieleaze ynternetferbining en oer hoe’t lytse ûndernimmers hieltyd troch de grutte bazen fuortblaasd wurde.‘Kritiek ondernemers en politici op Leeuwarder Ondernemersfonds’, Liwwadders, 2 july 2013 <http://www.liwwadders.nl/kritiek-ondernemers-en-politici-op-leeuwarder-ondernemersfonds/> [krigen 23 jannewaris 2017]. Mar werom nei de Kulturele Haadstêd, wat moatte ûndernimmers mei kultuer?

Wat banken mei kultuer moatte is ûnderwilens dúdlik. Fan de corporate art sponsors binne retailbanken it meast aktyf en ek ynvestearringsbanken rinne foarop. Bedriuwen ferspriede har logo fia keunstynstituten, dat liket spotgoedkeape reklame foar harren te wêzen. In pear jier lyn liet it Britske keunstynstitút Tate los dat it tusken 1990 en 2006 3,8 miljoen pûn fan it oaljebedriuw BP krigen hie. Dat klinkt yn leke-earen as in eksorbitant bedrach mar de aksjegroep dy’t trije jier fochten hie om de jildynformaasje iepenbier te krijen neamde it “embarrasingly small.”Susanna Rustin en George Arnett, ‘The sponsorship files: who funds our biggest arts institutions’, The Guardian, 2 maart 2015 <https://www.theguardian.com/culture/2015/mar/02/arts-corporate-sponsorship-tate-british-museum> [krigen 23 jannewaris 2017]. Private sponsoring fan keunst is relatyf nij njonken private sponsoring fan sport—wa’t wiist op ’e beskerming fan keunstners troch de De’ Medici’s fersint him yn skaal, doel, en alle oare karakteristiken fan de sechstjinde-ieuske keunstpatronaazje.Sjoch bygelyks Roshi Naidoo, ‘Never mind the buzzwords: ‘race’, heritage and the liberal agenda’, yn: Jo Littler en Roshi Naidoo (red.), The politics of heritage: The Legacies of ‘race’ (Londen / New York 2005) 32-43, 35 e.f. Mar banksponsoring is sa hurd ynboargere dat museums en teaters net mear draaie kinne sûnder banken én dat gjinien noch betwifelet hoe geskikt har sponsorskip is foar keunstFelix Salmon, ‘The business of art fairs’, Reuters, Ed. United States, 7 maaie 2012 <http://blogs.reuters.com/felix-salmon/2012/05/07/the-business-of-art-fairs/> [krigen 23 jannewaris 2017]; Rachel Spence, ‘Who funds the arts and why we should care’, Financial Times, 19 september 2014 <https://www.ft.com/content/4313691c-3513-11e4-aa47-00144feabdc0> [krigen 23 jannewaris 2017].—banken wolle weardefêste ynvestearringen dus banken bepale wat kwaliteitskeunst is en bliuwt en jouwe nije, oare uteringen gjin kâns;Jill Treanor en Patrick Wintour, ‘Bankers apologise – then RBS announces sweeping cuts’, The Guardian, 10 febrewaris 2009 <https://www.theguardian.com/business/2009/feb/10/bankers-apologise-to-mps> [krigen 23 jannewaris 2017]; sjoch ek Alana Jelinek, This is not art: art and other ‘not-art’ (Londen / New York 2013) 25-42. banken wurkje Plensaïtis yn ’e hân—lit stean dat immen him ôffreget hoe okee oft de jildboarnen feitlik binne.Rachel Spence, ‘Who funds the arts and why we should care’, Financial Times, 19 septimber 2014 <https://www.ft.com/content/4313691c-3513-11e4-aa47-00144feabdc0> [krigen 23 jannewaris 2017].

“Proud and happy to announce ING Bank @ingnl as out first principal sponsor for @LWD2018”, twitteret Kulturele Haadstêd­direkteur Lieven Bertels en elkenien hâldt him stil.‘ING eerste hoofdsponsor Culturele Hoofdstad’, Omrop Fryslân, 13 july 2016 <http://www.omropfryslan.nl/nieuws/650449-ing-eerste-hoofdsponsor-culturele-hoofdstad>[krigen 23 jannewaris 2017]. Mei freudiaansk ‘out’ ynstee fan ‘our’? Wat kin ús de wytwaskoperaasje fan de ING-bank noch skele, dêr’t de ING yn 2012 619 miljoen dollar boete foar betelje moast, om’t de bank de Amerikaanske sanksjemaatregel út de wei gie en miljarden dollars troch it Amerikaanske systeem hinne loadste nei Kubaanske en Iraankse klanten (en dêr stjonkend ryk fan waard). Mar wat seit dat oer de posysje fan de Kulturele Haadstêd foar de keunst oer? Keunst moat it ommers hawwe fan yntegriteit en it op it aljemint bringen fan moreel bedroch?

Dus meidwaan? Bist net wiis.

Noaten

  1. De trije Fryske tydskriften mei omtinken foar literatuer, Ensafh, de Moanne en Y-Skrift, fiere in feest om de presintaasje fan de bondel hinne; hja organisearje gjin literêre wurkkonferinsje of wittenskiplike stúdzjedei (mear bekend by de Fers2-redaksje).
  2. ‘Wat is LOF?’, Leeuwarder Ondernemersfonds, g.d. <http://www.leeuwarderondernemersfonds.nl/content/wat-is-het-leeuwarder-ondernemers-fonds.html> [krigen 22 jannewaris 2017].
  3. ‘Wat is LOF?’, Leeuwarder Ondernemersfonds, g.d. <http://www.leeuwarderondernemersfonds.nl/content/wat-is-het-leeuwarder-ondernemers-fonds.html> [krigen 22 jannewaris 2017].
  4. ‘Wat is LOF?’, Leeuwarder Ondernemersfonds, g.d. <http://www.leeuwarderondernemersfonds.nl/content/wat-is-het-leeuwarder-ondernemers-fonds.html> [krigen 22 jannewaris 2017].
  5. Gemeente Ljouwert, ‘Begroting 2016 gemeente Leeuwarden, Paragraaf Lokale heffingen’ 3 <https://financieel.leeuwarden.nl/begroting/2016-2019/wp-content/uploads/2015/09/Paragraaf-Lokale-heffingen.pdf> [krigen 23 jannewaris 2017]; ‘Leeuwarder Ondernemers Fonds zeker door tot 2021’, Leeuwarder Courant, 30 desimber 2016 <www.lc.nl/friesland/Leeuwarder-Ondernemers-Fonds-zeker-door-tot-2021-21886908.html> [krigen 23 jannewaris 2017]; ‘Leeuwarder Ondernemers Fonds zeker door tot 2021’, Leeuwarder Courant, 30 desimber 2016 <www.lc.nl/friesland/Leeuwarder-Ondernemers-Fonds-zeker-door-tot-2021-21886908.html> [krigen 23 jannewaris 2017].
  6. Gemeente Ljouwert, ‘Begroting 2016 gemeente Leeuwarden, Paragraaf Lokale heffingen’, 3 <https://financieel.leeuwarden.nl/begroting/2016-2019/wp-content/uploads/2015/09/Paragraaf-Lokale-heffingen.pdf> [krigen 23 jannewaris 2017].
  7. Saskia Buitelaar, ‘Leeuwarden zit met twee Sinten in de maag’, Binnenlands Bestuur, 12 oktober 2011 <http://www.binnenlandsbestuur.nl/leeuwarden-zit-met-twee-sinten-in-maag.2278846.lynkx> [krigen 23 jannewaris 2017];Marten de Groot, ‘ ‘Er is geen Sinterklaasoorlog’ ’, Binnenlands Bestuur, 12 oktober 2011 <http://www.binnenlandsbestuur.nl/leeuwarden-zit-met-twee-sinten-in-maag.2278846.lynkx> [krigen 23 jannewaris 2017].
  8. ‘Leeuwarder Sinterklaasoorlog met twee optochten compleet’, Liwwadders, 9 oktober 2011 <http://www.liwwadders.nl/leeuwarder-sinterklaasoorlog-met-twee-optochten-compleet/> [krigen 23 jannewaris 2017].
  9. Serge Hollander, ‘Over SSIL’, Stichting Sinterklaasintocht Leeuwarden <http://www.sinterklaasleeuwarden.nl/over-ssil/> [krigen 23 jannewaris 2017].
  10. Patrick van ’t Haar, ‘Het rondrijden van twee Sinterklazen moet je niet willen’, Friesch Dagblad, 12 oktober 2011 <http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=56696> [krigen 23 jannewaris 2017].
  11. ‘Leeuwarder Sinterklaasoorlog met twee optochten compleet’, Liwwadders, 9 oktober 2011 <http://www.liwwadders.nl/leeuwarder-sinterklaasoorlog-met-twee-optochten-compleet/> [krigen 23 jannewaris 2017].
  12. ‘Kritiek ondernemers en politici op Leeuwarder Ondernemersfonds’, Liwwadders, 2 july 2013 <http://www.liwwadders.nl/kritiek-ondernemers-en-politici-op-leeuwarder-ondernemersfonds/> [krigen 23 jannewaris 2017].
  13. Susanna Rustin en George Arnett, ‘The sponsorship files: who funds our biggest arts institutions’, The Guardian, 2 maart 2015 <https://www.theguardian.com/culture/2015/mar/02/arts-corporate-sponsorship-tate-british-museum> [krigen 23 jannewaris 2017].
  14. Sjoch bygelyks Roshi Naidoo, ‘Never mind the buzzwords: ‘race’, heritage and the liberal agenda’, yn: Jo Littler en Roshi Naidoo (red.), The politics of heritage: The Legacies of ‘race’ (Londen / New York 2005) 32-43, 35 e.f.
  15. Felix Salmon, ‘The business of art fairs’, Reuters, Ed. United States, 7 maaie 2012 <http://blogs.reuters.com/felix-salmon/2012/05/07/the-business-of-art-fairs/> [krigen 23 jannewaris 2017]; Rachel Spence, ‘Who funds the arts and why we should care’, Financial Times, 19 september 2014 <https://www.ft.com/content/4313691c-3513-11e4-aa47-00144feabdc0> [krigen 23 jannewaris 2017].
  16. Jill Treanor en Patrick Wintour, ‘Bankers apologise – then RBS announces sweeping cuts’, The Guardian, 10 febrewaris 2009 <https://www.theguardian.com/business/2009/feb/10/bankers-apologise-to-mps> [krigen 23 jannewaris 2017]; sjoch ek Alana Jelinek, This is not art: art and other ‘not-art’ (Londen / New York 2013) 25-42.
  17. Rachel Spence, ‘Who funds the arts and why we should care’, Financial Times, 19 septimber 2014 <https://www.ft.com/content/4313691c-3513-11e4-aa47-00144feabdc0> [krigen 23 jannewaris 2017].
  18. ‘ING eerste hoofdsponsor Culturele Hoofdstad’, Omrop Fryslân, 13 july 2016 <http://www.omropfryslan.nl/nieuws/650449-ing-eerste-hoofdsponsor-culturele-hoofdstad>[krigen 23 jannewaris 2017]. Mei freudiaansk ‘out’ ynstee fan ‘our’?

Foaropwurd

Fers2 3.1, 15 jannewaris 2017

Folksliteratuer

image Fers2

Doe’t ik der noch wenne praten se mei in protte wurdear­ring oer Waling Dykstra,” seit ús mem/skoanmem. Bedoeld is Sint Anne, ’40-’60 en de minsken mei wa’t it ta in petear oer keunst kaam, famylje en goeie freonen. Hja wiene meast minsken sûnder oplieding, mar de skieding tusken de lêzers en net-lêzers foel wierskynlik net gear mei de skieding tusken heech- en leechoplaat. Wy nimme oan dat bern fan net-lêzende âlden sels net lêze en wa wit hat dat altyd sa west, mar it is lestich om dêr ûndersyk nei te dwaan.Jessica E. Moyer, ‘“Teens today don’t read books anymore”: A study of differences in interest and comprehension based on reading modalities: Part 1, Introduction and methodology’, Journal of Research on Libraries and Young Adults, 2 novimber 2010 <http://www.yalsa.ala.org/jrlya/2010/11/teens-today-dont-read-books-anymore-a-study-of-differences-in-interest-and-comprehension-based-on-reading-modalities-part-1-introduction-and-methodology/> [krigen 2 jannewaris 2017]. Cf. Herbert Gans, Popular culture and high culture: An analysis and evaluation of taste (New York 1999) 7: hege en lege kultuer is ferbûn oan opliedingsklasse. Wat wy wol witte is dat yn it húshâlden fan pake flink lêzen waard. Pake fette de joadske libbensetyk fan ivich lernen op as libbenslot dêr’t dochs gjin ûntsnappen oan wie (en Sartre fûn er in sûch; dat god dea wêze soe makke ommers neat út salang’t jo jo yn it foarste plak mei minsken rêde moasten). Syn sibben tochten dêr krektsa oer. Hja liezen Nederlânsk, Frysk en Waling Dykstra. En sa’t it liket hat it “wûnderbaarlike leechlizzen fan Waling Dykstra”, dat Douwe Kalma en benammen Eeltsje Boates Folkertsma fan 1915 ôf as har spirituele taak seagen it Bilt net berikt, alteast net foar 1960. Hoe sit dat dan?

“Sjenrestikjes,” seit de Tresoar-literatuer­befoarderer. Oft er dat seit as privee­persoan of as oerheidsaktor witte wy net, mar wol dúdlik is dat sprekker net klassifisearret mar in kwaliteits­oardiel jout, ien dy’t yn de hjoeddeiske grafyske werjefte delkomt op in heale stjer. Hy doelt op it wurk fan dichter Marten Bakker, dus de fraach is: hoe kin it dat it dy in heale stjer krijt ek al is syn wurk folslein ûnbekend? Bestiet der in a priori skiedsline tusken te befoarderjen Fryske literatuer en om ’e deale net te befoarderjen Fryske literatuer, in skiftsjen dat styl, artistisiteit en kontekst fan ûntstean en ûntfangst bûten beskôging litte kin? Lykas guon útlannen dêr’t wy Fryslân moreel fier boppe stelle skiedslinen hawwe dy’t etysk en polityk fan aard binne?

Literêr tydskrift Ensafh hat in spesjaalnûmer oer de Swabyske, swiersettige, natuerminnende iernjoggentjinde-ieuske dichter Hölderlin. “Wêrom Hölderlin?” wol de haadreakteur útlizze. Mar al de earste reden ûntmoediget it fierder lêzen: “Klabund [de Dútske skriuwer Alfred Henschke] set Hölderlin del as in minske.” Aha. De njoggentjinde-ieuske produsint fan folkspoëzij—want seach Hölderlin it dichtsjen net as de tradysje fan de gewoane minske, stelde er net mei syn biedwurd “Reim ist alles” de orale foarm fier foar de djippe ynhâld, en stribbe er net de ferbining fan de minske mei de natuer nei, lykas Marten Bakker—dat dy troch in romantyske dichter dy’t himsels staljout as swalker en jong dea giet, Klabund, oantsjut wurdt as minske, makket dat him wurdich om in spesjaalnûmer te krijen?

Folksliteratuer omfettet alle myten, leginden, epyk, fabels en folksferhalen dy’t fan generaasje op generaasje oerbrocht binne mei de mûle en dêr’t de ‘auteurs’ fan gewoanlik ûnbekend binne of net op it spoar te kommen. Mar de term folksliteratuer kin goed brûkt wurde foar teksten dy’t eigenskippen fan proaza of poëzy hawwe en ta de tradysje fan de gewoane minsken hearre, krekt oarsom as by de dominante literêre ferearing fan teksten. Uteinlik giet it om hege foar lege literatuer oer. Dat ûnderskied is nij. De komeedzjes en trageedzjes fan Shakespeare wiene noch heech en leech tagelyk.

Meastal wurdt dichter en kritikus Matthew Arnold neamd as de ûntdekker fan de ‘great divide’. Yn it Ingelân fan Arnold syn tiid, healwei njoggentjinde ieu, wiene de klasseferskillen kolossaal. De ekonomyske klassen libben yn ferskillende wrâlden. Hege keunst wie it privileezje fan de aristokrasy. Rike adel, de tsjerke en wol­farrende grutgrûneigners koene opdrachten jaan foar skilderijen en symfonyen en arbeiders hiene der neat oan om foarm boppe funksje te wurdearjen. Net inkeld sjocht Arnold dat om him hinne; om’t it sa is, moat it neffens him ek sa wêze. Syn teory tsjinnet om de privileezjes yn privilezjearre stân te hâlden. Want de waaksende bourgeoisy wûn hurd oan macht. Sa’t it liket ûntefreden stelt Arnold fêst: “[Culture] seeks to do away with classes.”Matthew Arnold, Culture and anarchy: An essay in political and social criticism (Londen 1869) 49. As de nije middenklasse himsels Gryksk oanleart moat de elite him op in oare manier distansjearje:

The culture which is supposed to plume itself on a smattering of Greek and Latin is a culture which is begotten by nothing so intellectual as curiosity; it is valued either out of sheer vanity and ignorance, or else as an engine of social and class distinction, separating its holder, like a badge or title, from other people who have not got it. No serious man would call this culture, or attach any value to it, as culture, at all.Matthew Arnold, Culture and anarchy: An essay in political and social criticism (Londen 1869) 5.

Mar Arnold syn teory wie min. Ut syn beskriuwing fan kultuer blykt in krap Eurosintrisme en nearne definiearret er hege en lege kultuer, sadat it ferskil tusken hege en lege kultuer gearfalt mei klasseferskil. Mar klasse noch populariteit sizze wat oer de eigenskippen en de wearde fan keunst. Hûndert jier letter wie Arnold yn Europa wer fergetten. De filosoof Gramsci seach de heech-leechskieding as in ynstrumint foar sosjale kontrôle en Benjamin liet de wearde sjen fan yndustrieel reprodusearre (massa-)keunst.

Dichter T.S. Eliot, konservatyf, antymodernistysk en mei in ideée fixe fan skiednis en literêre tradysjes, liet, om de Europeeske beskaving dy’t de heechste yn de wrâld wêze soe en om yn in nauwer ferbân te stean mei de Grykske en Latynske klassiken, syn Amerikaanske boargerskip fleane en waard Ingelsman. Mar just Eliot soe him ynsette foar dekanonisearring. Hy beskôge hege en lege kultuer as ûnmisbere oanfoljende dielen fan de kultuer fan in groep:

a common culture, though this common culture is only actual in diverse local manifestations, so we must aspire to a common world culture, which will yet not diminish the particularity of the constituent parts.T.S. Eliot, ‘Notes towards the definition of culture’, yn: idem, Christianity and culture (San Diego / New York / Londen 1960) 79-202, 136.

Efkes letter soe it postmodernisme taslaan yn Ingelân; it soe de line tusken heech en leech útfeie en de kanon ûntploffe litte. Mar yn syn essee dat socht om needsaaklike betingsten, “in the absence of which no higher culture can be expected”,T.S. Eliot, ‘Notes towards the definition of culture’, yn: idem, Christianity and culture (San Diego / New York / Londen 1960) 79-202, 91. sei Eliot ek dat de egalitaristen net sasear kultureel demokratisearje of emansipearje wolle as wol de kulturele losse eintsjes ôfsnije. Op it mêd fan it ferksil tusken lokale en nasjonale kulturen warskôge er tsjin foarmen fan sintralisearjend nasjonalisme dat in ein makket oan lokale kulturen troch elkenien ien standerdisearre kultuer op te lizzen,T.S. Eliot, ‘Notes towards the definition of culture’, yn: idem, Christianity and culture (San Diego / New York / Londen 1960) 79-202, 123-140. wat lykas by egalitêrpopulistysk belied delkomt op in prokrusteaansk lykmeitsjen.

Neffens de ynfloedrike njoggentjinde-ieuske filosoof Ernest Renan wie de hege kultuer hielendal ferbûn mei de polityk en ideology fan it nasjonalisme, as needsaaklik ûnderdiel fan in sûne nasjonale identiteit. Jelle Krol hat it net opskreaun, dat wy ha him ris frege oft Douwe Kalma no sa unyk wie. Wie it net earder regel as útsûndering dat har emansipearjende etnyske groepen har beskaving, somtiden mei hurde hân, ferheften en de folkske uteringen ôfswarden? Krol sei dat dat geregeld harde. Wy ha doe mar net frege wêrom’t guon ‘lege kultueren’ deryn slagje om harsels om te setten yn in hege kultuer en wêrom oare net.

De Grykske nasjonalist Eleftherios Venizelos bepleite kulturele ferheffing. Douglas Hyde, de Ierske Kalma, “expected Irish to serve as a motor for the cultural elevation of the nation, and cultural elevation to create an inclusive Irish nation”, in ûnôfhinklikenien fansels.Márta Pintér, ‘Irish nation but which language? Cultural and linguistic nationalism in late nineteenth-century Ireland’, Acta Universitatis Sapientiae, Philologica, 2:1 (2010) 5-12, 11. It tilt op fan de foarbylden. Globaal kin men dit sizze. As in beskate groep sjoen wurdt, troch oaren of himsels, as de yntellek­tuele elite fan in naasje, mar strikt nommen is der gjin naasje en de minsken dy’t op it grûngebiet berne binne, wenje, de taal derfan sprekke en dêrom ûndersteld wurde om de naasje te foarmjen, hawwe absolút gjin nasjonaal besef en op syn heechst in profyl-B-taalbehearsking om’t ideeën fan soevereiniteit hielendal net op te tinken binne yn dy tiid en op dat plak, dan kin de prioriteit net politike ûnôfhinklikens wêze—dan is de earste soarch yntellek­tuele en kulturele ferheffing. Yn dat gefal hat, empirysk sjoen, filosoof Ernest Gellner gewoan gelyk: “[N]ationalism is, essentially, the general imposition of a high culture on society”Ernest Gellner, Nations and nationalism, 2e print. (Ithaca, NY 2008) 56.

In effekt fan dy ‘algemiene twang op ’e ‘mienskip’ is de feroardieling ta in beheinde Frysksinnige kultuer mei reduksjo­nis­tykse en simplistyske fisys op wat keunst feitlik is. Sa seit in besprekker oer de sammelbondel fan Marten Bakker: “Het is jammer dat [de gearstaller en ynlieder] voor deze redelijk unieke uitgave niet iets uitvoeriger geweest is en bijvoorbeeld ook niets zegt over het herspellen van de gedichten.” Wy kenden it wurd ‘herspellen’ net. De Van Dale ek net. Bliken docht dat it om in nijfoarming yn de de Nederlânske taal giet dêr’t ‘her’ hieltyd de betsjutting hat fan ‘op ’e nij’, alhoewol’t der yn it standert-Nederlânsk (fan foar de nijfoarmingen) ek wurden binne dêr’t de ‘her’-foarm him semantysk oars ferhâldt ta syn ‘her’-leaze foarm, lykas by ‘herkennen’ en ‘herroepen’.H. Schultink, ‘De bouw van nieuwvormingen met her-’, Tijdschrift voor Nederlandse Taal- en Letterkunde 80 (1964) 151-184, 151.

Alles wat er over de naaste toekomst gedacht en geschreven is, zal herdacht en herschreven moeten worden, NRC 25/11/63; herkennen: De medicus ontmoet nooit ‘de ziekte’, hij ontmoet nooit ‘de roodvonk’, maar hij komt steeds te staan tegenover een mens-lijdend-aan-een-ziekte. D.w.z. evenals de connoisseur moet hij zich een oordeel vormen over een uniek complex dat hij zo, in die vorm nog nooit eer heeft gezien, maar dat hij dankzij zijn wetenschappelijk inzicht kan ‘her’-kennen.H. Schultink, ‘De bouw van nieuwvormingen met her-’, Tijdschrift voor Nederlandse Taal- en Letterkunde 80 (1964) 151-184, 152.

Mar it punt is hjir net de betsjutting fan it ‘her’. Fernuverjend is it gemis fan útlis oer it staverjen fan yn oanlis orale literatuer. De besprekker is wis net ien dy’t him fan dingen ôfmakket. De ferklearring moat dus wêze dat wy net mear begripe dat de analyze fan guon literatuer him rjochtsje moat op klank, ritme, melody en werhellingspatroanen lykas rym en net op—heechkulturele—stavering.

Simplistysk is it wikseljend oantsjutten fan de mearderheids­kultuer dêr’t de oplate minderheid bang foar wie, as folkskultuer, massakultuer, of popkultuer, sûnder de eigenskippenlit stean de ferlokking foar de hege stân—fan dy ‘oare’ kultuer ûnder eagen te sjen.John Storey, Cultural theory and popular culture: An introduction, 5e print. (Harlow, UK ensf. 2009) 13, et passim. Reduksjonistysk is de opfetting dat hege keunst artistike ekspresje is en estetyske ynhâld hat, wylst lege keunst in kulturele en sosjale funksje hat; by hege en lege keunst moat nei beide aspekten sjoen wurde.Simon Frith, ‘Music and identity’, yn: Stuart Hall en Paul du Gay (red.), Questions of cultural identity (Los Angeles, CA 1996) 108-150, 119-121.

Yn 1958 brocht Raymond Williams mei syn baanbrekkende ‘Culture is ordinary’ de kultuerstúdzje werom nei libbene kultuer.Raymond Williams, ‘Culture is ordinary’, yn: Ben Highmore (red.), The everyday reader (Londen 2002) 91-100. Williams brûkt foar it foarmjen fan kultuer de metafoar fan in busreis. Yn Fryslân is dat minder gelokkich no’t de iene busline nei de oar opheft wurdt. Mar de busreis makket, oars as de mienskip- of sels iepen mienskipmetafoar fan de provinsje Fryslân, in him ûnjaande ûnderfining mooglik dêr’t jo in beskate kontrôle oer hawwe (wy hawwe it hjir net oer de spontane busereksjes op de efterbank; Williams ek net). Folksliteratuer is typysk woartele yn de deistige ûnderfining. Folksliteratuer hat him gewoan hanthavene neist offisjele literatuer,Fedde Schurer, ‘In lied dat net swijt’, De Tsjerne 6 (1951) 217-220, 218-219. tink oan sprekwurden dy’t it allerâldste literêre sjenre foarmje en dy’t om har sizzenskrêft en swietlûdigens noch altyd mûnling oerdroegen wurde.Jelle H. Brouwer, It Fryske sprekwurd. Bûnte Liuwen Omnibus nûmer 11-12 (Ljouwert 1964) 4. Folksliteratuer wurdt ekend as de boarne fan hege literatuer en de literêre sjenres. Om’t hjoeddeiske skriuwers net oars kinne as ûntliene oan folks­literatuer, ommers lieten, metafoaren en stylfoarmen binne ús mienskiplik erfskip, spilet de folksliteratuer in rol yn de duorsumens fan de literatuer en hawwe de folksliterêre sjenres in fersterkjend effekt op de hjoeddeiske literêre sjenres.Kamran Pashaei Fakhri, Akram Aganejad en Parvaneh Adelzadeh, ‘The advent of folk literature and its role in progress of literary genres’, Journal of Current Research in Science 3:2 (2015) 84-88.

De stagnaasje yn de Fryske literatuer dy’t wy no sjogge—2016 brocht de iene minne heechliterêre dichtbondel nei de oare—kin samar komme om’t wy de folksliteratuer fuortdien ha. En de bus.

Noaten

  1. Jessica E. Moyer, ‘“Teens today don’t read books anymore”: A study of differences in interest and comprehension based on reading modalities: Part 1, Introduction and methodology’, Journal of Research on Libraries and Young Adults, 2 novimber 2010 <http://www.yalsa.ala.org/jrlya/2010/11/teens-today-dont-read-books-anymore-a-study-of-differences-in-interest-and-comprehension-based-on-reading-modalities-part-1-introduction-and-methodology/> [krigen 2 jannewaris 2017]. Cf. Herbert Gans, Popular culture and high culture: An analysis and evaluation of taste (New York 1999) 7: hege en lege kultuer is ferbûn oan opliedingsklasse.
  2. Matthew Arnold, Culture and anarchy: An essay in political and social criticism (Londen 1869) 49.
  3. Matthew Arnold, Culture and anarchy: An essay in political and social criticism (Londen 1869) 5.
  4. T.S. Eliot, ‘Notes towards the definition of culture’, yn: idem, Christianity and culture (San Diego / New York / Londen 1960) 79-202, 136.
  5. T.S. Eliot, ‘Notes towards the definition of culture’, yn: idem, Christianity and culture (San Diego / New York / Londen 1960) 79-202, 91.
  6. T.S. Eliot, ‘Notes towards the definition of culture’, yn: idem, Christianity and culture (San Diego / New York / Londen 1960) 79-202, 123-140.
  7. Márta Pintér, ‘Irish nation but which language? Cultural and linguistic nationalism in late nineteenth-century Ireland’, Acta Universitatis Sapientiae, Philologica, 2:1 (2010) 5-12, 11.
  8. Ernest Gellner, Nations and nationalism, 2e print. (Ithaca, NY 2008) 56.
  9. H. Schultink, ‘De bouw van nieuwvormingen met her-’, Tijdschrift voor Nederlandse Taal- en Letterkunde 80 (1964) 151-184, 151.
  10. H. Schultink, ‘De bouw van nieuwvormingen met her-’, Tijdschrift voor Nederlandse Taal- en Letterkunde 80 (1964) 151-184, 152.
  11. John Storey, Cultural theory and popular culture: An introduction, 5e print. (Harlow, UK ensf. 2009) 13, et passim.
  12. Simon Frith, ‘Music and identity’, yn: Stuart Hall en Paul du Gay (red.), Questions of cultural identity (Los Angeles, CA 1996) 108-150, 119-121.
  13. Raymond Williams, ‘Culture is ordinary’, yn: Ben Highmore (red.), The everyday reader (Londen 2002) 91-100.
  14. Fedde Schurer, ‘In lied dat net swijt’, De Tsjerne 6 (1951) 217-220, 218-219.
  15. Jelle H. Brouwer, It Fryske sprekwurd. Bûnte Liuwen Omnibus nûmer 11-12 (Ljouwert 1964) 4.
  16. Kamran Pashaei Fakhri, Akram Aganejad en Parvaneh Adelzadeh, ‘The advent of folk literature and its role in progress of literary genres’, Journal of Current Research in Science 3:2 (2015) 84-88.