image Fers2

Fers2 23 desimber 2020

240 gehakballen foar 53 lettertekens

Wiene wy krekt swiet dwaande mei út Ein fan it Jierlistkes, diskear beliedsnoatatitels fan ús provinsje Fryslân. ’t Koe minder, Finsters iepen, Sels dwaan!, Mei hert, holle, hannen [in fariaasje op ‘Kinder, Küche, Kirche’], Skriezen omheech (Miljeunoata 2021), Grinzen oer, Us folk is ús spearpunt, Tink om ’e takomst, Taalnoata In kâns foar it Hollâns, Nea Tocht (Sportnoata), Jo boer oan it roer (Agraryske noata), Fryslân moarn boppeoan, Boare, jonges, boare—en ynienen rint de Fryske ûnbehelplikheid ús wer oer de skuon. De spegels, de gysbertnominaasjes, it pidgin-ding en de itensbank: ûnferskillich, amateuristysk, eksorbitant en sûnder mis ymmoreel.

It is net te finen op it ynternet. Dochs is it wier, freegje mar oan de baas fan it Afûk-City-of-Literature-Merk-Fryslânkonglomeraat, Ernst Bruinsma. Merk Fryslân betocht in spegelprojekt, ‘Wjer­spegelje’; en ûn-betocht it blykber ek wer. Se rôpen dichters op om in tsiental dichtrigelkes, net langer as acht wurdsjes want oars past it net, yn te stjoeren foar op in spegel op in iepenbier plak. De fergoeding is Р„ 200, in grouwélich bedrach, Р„ 2,50 it wurd.

Mar witte jo noch fan it fersoargingshuzeprojekt? Bruinsma liet al earder, yn ’e snoade op-slot-tiid fan april, syn solidariteit sjen mei de kwetsbere lju dy’t troffen troch de pandemy twongen thús sieten mei de hannen yn ’e skurte. Want de pandemyregels sleaten Fryske taal­promoasje op toaniel út. Dêrtroch foelen de ekstra ynkomsten fan de—subsidiearre—dichtklup Rixt wei. Bruinsma sprong by, mei in opdracht foar poëzykaarten dy’t nei fersoargingshuzen giene: dy’t fregen, smeken!, om skelken, gesichtsmaskers, moffen en hân­smarsel. Dy misdonaasje wie ûnskuldich njonken dy fan no. Wy lêze alle dagen yn ’e krante dat hieltyd mear minsken yn Fryslân ûnder de earmoedgrins bedarje, honger hawwe, besmet reitsje.

Iepenbiere plakken binne ticht. As se ea wer iepen gean sjocht, mei de ferplichte gesichtsmaskers op, noch gjinien mear yn spegels. Mar it knyppunt is net de sichtberens fan de dichtrigels: it is dat it de dichters ferbean waard om te dichtsjen oer de jildfergrie­merij, lit stean oer honger. Merk Fryslân stie hielendal gjin kritysk uterjen ta: “[M]insken moatte it gedicht yn 20 sekonden lêze kinne (…) de wurden ynspirearje, roppe in (positive) emoasje op [en] de teksten soene net (…) in (sterke) politike konnotaasje hawwe.”

Mei spegels & kraaltsjes ûnstiene de epyk en lyryk. De âlde keningen kochten dichters om har kromme belied rjocht te sjongen. Ien metafoar dy’t útlein wurde koe as krityk en de dichter siet op in ûnbewenne eilân en luts tenei syn lieten mei de grutte tean yn it sân. Oaren tochten in fyn stelstel fan geheimtaal op, dêr’t ‘myn frou kaam by my ûnder de ranende stjerren’ betsjutte fan it kultuerbelied is wer kut. Sa te sjen binne de reklamejonges te djoer foar Fryslân­promoasje; in slogan kostet fan 75 euro it oere oant yn de tonnen. Freegje Rixt dan, prima—mar net foar omtrint-kommersjele bedraggen, want dat heart net sa yn dizze tiid. En lit de keunstners gewurde, dy hânfol dy’t Fryslân noch hat. Want keunst is gjin dekoraasje fan it iepenbiere libben, gjin blommen op ’e tafel fan de macht, blinder.

Mar net allinnich by in buro dat fan Fryslân in toeristyske attraksje meitsje moat, mei jo en my derby yn, sit de apaty. It rint troch alle linys, fan it provinsjehûs oant de mei 60 mille it jier stipe kweekfiver fan de Fryske literatuer Ensafh. Op 9 novimber stjoert it Skriuwersbounbestjoer in brief nei ús Kultuerdeputearre, yn antwurd op in “Fraach oer útrikking Gysbert Japicxpriis.” Se binne bliid, stiet deryn, dat Tresoar de priisútrikking “no” regelet, om’t “hja de ekspertize hawwe om soks profesjoneel oan te pakken.” Dan folget in genipich alineaatsje. It bestjoer ornearret, Tresoar moat net altefolle regelje: it bekende, oer in prizejier útsmarde kultuerprize­programma mei longlist → shortlist → finalist(en), dêr wol it fan ôf. De goerie giet sa in stik fierder as it útrikken fan de priis; it giet oer it bonkerak deryn, oer dat wat in priis syn ûnmisbere stal en wurking jout.

Want jild oermeitsje op in bankrekken is, hoe sympatyk ek, net it doel fan in rillevante kultuerpriis. In som jild oan immen jaan soe dy priis redusearje ta in foarm fan kultuersubsydzje, ien dêr’t lykwols de ynhâld by hifke wurde mei—wat no mei rjocht ferbean is op it provinsjehûs. Mar it Skriuwerboun neamt yn syn brief it wurd doel net. Se hawwe it oer middels om “de winner fan de GJ-priis ekstra te promoatsjen”, lykas “PR om it hiele barren.” Mar hokker barren? Kultuerprizen binne net effektyf as dy inkeld ien—tafalige; want it útkiezen fan in byld of liet dat jo treflik achtsje is altyd subjektyf—finalist betsjinje. Fan it iene boek of oeuvre dat de priis takend krigen hat sjogge jo efkes in pykferkeap. Efkes is it iene oersette boek in rariteit yn oanbiedingsbrosjueres en op boekebeurzen. Al gau sakket dan it stof wer del, wylst de rest fan de kandidaten ûntmoedige is, om’t objektyf sjoen har wurk hast of hielendal like wichtich wie en dochs gjin spat omtinken krige.

It doel fan kultuerprizen is dus om de hiele kultuer oan te moedigjen: troch it folsleine fjild te beljochtsjen, troch opfallend wurk fan de kontekst te foarsjen dy’t syn fiedingsboaiem wie, troch tolve titels tagelyk op ’e ynternasjonale tafel te klappen. Want dat skept in solide searje mediamominten. Net allinne binne longlist en shortlist binne beide media-events; it binne mominten om de hiele literatuer te promoatsjen, om’t jo der troch dy listen net ûnderút kinne dat jo apels mei parren ferlykje. Op dy manier litte jo net de keunststikjes—neffens de tafallige sjuery—sjen, mar just de rykdom en it net te ferlykjen ferskaat fan de Fryske kultuer.

Dêrom krekt is de Gysbert, lykas alle grutte literêre prizen, yn 2015 oerstapt op in jierfoljende prizeaginda. Yn ’e maitiid is der omtinken foar alle longlisters en har wurk, om de simmer hinne foar alle shortlisters en yn ’e hjerst en winter foar de finalist. Mar it skriuwersbounbestjoer ûnderbout syn betinking tsjin nominaasjes net. Dy soene gewoan “faaks” passe by “mear kommersjele prizen”, en net by in oeuvrepriis of by it oanwizen fan ien “útsûnderlik boek.” ‘Dus’ se knikke ja tsjin de Kultuerdeputearre: “Sa’t jo al oanjûn hawwe binne der tal fan beswieren te neamen tsjin de opset mei nominaasjes.”

Dat antynominaasjestânpunt komt beslist net as ferrassing. In lytse tsien jier lyn skreau Eeltsje Hettinga in knap stik oer de jammerdearlike fakkundichheid om de Gysbert hinne. It Gysbert-nominearringsstelsel mei omtinken foar it hiele fjild en troch it prizejier hinne, dêr’t elkenien dy’t der ferstân fan hie en Tresoar foarop foar pleite, kaam der krekt doe’t de doetiidske kultuer­deputearre it net langer opkeare koe. De provinsje­ferkiezingen fan 2015 brochten in nije koalysje—en nominaasjes. Mar Hettinga noch Tresoar hie de yllúzje dat wa’t der ek yn it kultuerkeammerke op ’e Twibaksmerk tahâldt de Gysbert rillevant meitsje woe en al hielendal net dat dyjinge har beslút bout op deeglik en iepenbier adfys.

Dus Skriuwersbounbestjoer, doch wat nuttichs. Fertel de Ensafh dat it stridich is mei de Algemiene Oardering Gegevensbeskerming (AVG) dat jo minsken om har “adres en rekkennr.” freegje, om dy te bewarjen: “Fan guon haw ik dy wol, mar sjoch it dan mar eefkes as in soarte fan aktualisearjen fan it adressen- en rekkennrs.bestân.” De AVG sjocht dat lykwols al jierrenlang as in boete wurdich, salang’t der gjin eksplisite tastimming fan de klant is om syn persoans­gegevens fêst te lizzen, makket net út foar hoe koart, en dan kin de Ensafh-stipejouwer dokke. Meitsje de “fraach” fan de Kultuerdepu­tearre iepenbier foar elkenien dy’t it oangiet. Rieplachtsje guon dy’t sels yn literêre prizekarrûssels sitten ha, of dy’t yn ’e beneaming komme foar de Gysbert: lju foar wa’t in earlik, transparant, effektyf en duorsum Gysbertprogramma net in hypotetyske en abstrakte kwestje is.

Dan docht, kwa neidielen, bliken dat steefêst nominearre mar dan krekt net winne hiel frustrearjend is foar de kandidaat, as alle omtinken eksklusyf nei de finalist tagiet, wylst alle sjueryleden jo efterôf fertelle dat it in ine-mine-muttesaak wie tusken de trije of mear shortlisters, wat by kompetinte en net-korrupte sjuerys hast altyd sa is. Dêr is, kwa foardiel fan nominaasjes, hiel maklik wat oan te dwaan, nammentlik net alle kamera’s inkeld op de finalist rjochtsje, mar op de hiele ploech. Dreech is dat net. Ommers de Lytse Gysbert docht it al, nei folle tefredenheid fan de kandidaten dy’t mei syn allen op it toaniel stean en de hiele shortlist foarlêze.

Wilens betocht de City of Literature (CoL) Ljouwert seis “unike” krystkaarten foar de 1500 klanten en frijwilligers fan de alve itensbank-fêstigingen yn Fryslân. De itensbank draait folslein op donaasjes en frijwilligers. Sels JCDecaux waard net betelle foar syn 8200 prachtige posters om de #staysafeengeef-kampanje yn april sichtber te meitsjen: dat wie in donaasje. Dy poster is hiel effektyf, aldergelokst. Want nei’t it lân om de pandemy op slot gie hiene folle mear minsken yn Fryslân honger mar gjin jild foar iten. Iten wie wat se misten. Dus wie opdracht oan de skriuwers om har tekst gean te litten oer iten; in pynliker doekje foar ’t blieden koe de CoL Ljouwert net betinke. Gjin inkeld gewisse stie fierder yn ’t paad om har rju te beteljen. Seis skriuwers hawwe elk 200 euro krigen foar in tekstke dat op in kaartsje past. Ien fan har, Anne Feddema, krige dy Р„ 200 foar syn bydrage ‘Krystmenu’ fan 53 lettertekens—dus goed Р„ 3,75 it letterteken—dy’t sa’t it liket oernommen is, of litte wy sizze yntym ynspirearre, troch de internet meme ‘Kerstmenu’.

Seis kear 200, mei bylden derby, sis allyksa seis kear 200, en de opmaak 350 euro, it printsjen foar rûchwei 200 euro, in molkwarder koeke derby foar 1500 x 1 euro is meiinoar 1500 euro, ynpakke en ferfier nei alve lokaasjes is 11 kear 150 = 1650 euro. Dêr nimme wy in non-profit overhead boppe-op, op ’t lêst is it krysttiid, fan 15 persint. Dat komt op Р„ 6100,00 keale kosten + Р„ 915 overhead = Р„ 7015,00 kosten meiinoar. Dield troch 1500 is dat is Р„ 4,70 it húshâlden dat klant is by in itensbank. Foar dat bedrach kinne al dy húshâldens seis stiks Grootmoeders Gehaktballen fan de Aldi krije, mei sjú. No yt Anne Feddema 240 gehakballen, mei 8 liter sjú, foar 53 lettertekens.

*

Yn Fryslân hat 1 op de 12 húshâldens in ynkommen ûnder de lege-ynkommensgrins fan it Sintraal Buro foar de Statistyk (CBS), neffens de telling fan oktober 2020. Yn augustus 2020 hie Fryslân 18 itensbanken en dy fersoargen 1720 húshâldens. Stypje de itensbank.

Fers2 13 septimber 2020

Deade taalanekdoates

image Fers2

Alle kearen dûke se dochs wer op, tsjin better witten, om’t minsken fassinearre binne troch de dea: deade taalferhalen. Earne is in jonkje berne dat in taal praat dy’t gjinien ea heard hat. Der komme Fryske Akademylju by en bliken docht dat it in taal is dy’t koart derfoar útstoarn is en dy’t nimmen mear praat, útsein dat jonkje.

Yn ien fan ’e unheimliche farianten blykt de taal Latyn. Under hypnoase of sliepwanneljen of yn trânse komt in taal nei boppen dy’t, meastal, in jonge frou nearne opdien hawwe kin—dizze anekdoate is absolút gendearre. De behearsking is nivo C, ferstean, prate, lêze en skriuwe: it is ûnferklearber. Mar de taal is net útstoarn: se fine him yn ’e bibel. Ek is it de bernetaal fan demoanen, want foar de taaldea wie it de folkstaal; demoanen prate (wol) yn de taal fan it folk. Sadwaande is Latyn de taal fan demoanyske dwylsin, fan dy’t yn hannen fan de duvel fallen is. Heit hellet de pastoar derby. Meastal rint it foar elkenien en alles min ôf. In healjier lyn koene se 15 minsken rêde fan duvelútballerij mar fûnen sân liken yn in kûle. Yn 2018 diene 250 prysters út 50 lannen mei oan de kursus duvel útbaljen op it Fatikaan. De offisjele taal fan it Fatikaan is Latyn.

In fleurigere fariant giet dat de âlden deabenaud binne dat it jonkje ferlern rekket foar har. It jonkje fertikt it om in oare taal as de oanberne taal te learen. Yn guon gefallen leart syn suster dan foar neurolinguist en ûntsiferet de taal om him better te begripen en troch har stúdzje jout se de taal status en in plak yn akademia. Yn oare ferzjes begjinne de taharkers âlde lûden te hearren yn it jonkje syn praten yn tongen. Se ûntdekke dat it in lofliet is, besibbe oan bibelteksten. Syn mem sil snokje fan, ik haw altyd witten dat er in bysûnder bern wie. Yn in fariant op ’e fariant hat it jonkje taal­obsedearre âlden. Syn helikoptermem twingt him om “Philadelphia” te sizzen. It gefolch is stammerjen dêr’t gjin kuer tsjin wurket en hy siket it by in hiel eigen taal. Oan it deabêd fan syn mem stelt er fêst dat alle taal dy’t tsjinnet as skûlplak foar it hert deade taal is. De Samuel L. Jacksonfariant giet dat er, tsjin it stammerjen, de mûle geande hold mei: “Motherfucker!”

Nuveraardiger is it ferhaal fan de Prusyske ûntdekkingsreizger Alexander von Humboldt. Swalkjend by de Orinokorivier lâns komt er yn 1800 yn de jungle fan Fenesuela by it efterôfdoarp Maypures dêr’t se nuete pappegaaien yn koaien hâlde. In pappegaai kin 80, soms sels 100 jier wurde, dus folle âlder as minsken doedestiids. Ien fan de fûgels praat dúdlik in oare taal as de oare. In fariant is dat Humboldt fernimt dat se allegearre net de taal fan de Karibyske stam prate. Hoe koe dat no? Likemin as by minsken ha pappe­gaaien oanberne taal: se moatte it leare fan oaren. Mar it doarp fertelt dat de pappegaaien earder libben by in buorstam fan de Maypures, dy’t in skoft lyn útstoarn is: de pappegaaietaal wie in útstoarne reinbosktaal. Al makke Humboldt sekuere fonetyske oantekens fan ’e taal, werom yn Prusen waard, tusken alle relevante ûntdekkingen, it pappegaaieferhaal gau fergetten.

It meast paranormaal is de taalanekdoate út de Bûterhoeke. Op dat plak is lykas it yn Fatikaan de offisjele taal in deade taal. Lykas it Latyn leveret har taal dêr it jargon foar it hiele fjild fan wittenskip, benammen yn ’t beneamen fan kulinêre spesjaliteiten, bûter, brea en griene tsiis, en foarmet it de grûn foar beskate filosofyen, lykas leaver dea as slaaf; dus har taal is oeral om ús hinne, al hoe’t dy ek dea is. Want in taal is technysk ‘dea’ as er net langer de memmetaal is fan in mienskip fan minsken. Soms leart ien de âlde taal, al dogge, likemin as Latyn, de gewoane skoallen der wat oan. Mar ynienen ha se no lju ûntdutsen dy’t sizze dat se de taal goed kenne. Se prate, lêze en skriuwe it sels noch better as fiif jier lyn, sizze 6.500 minsken—en in bisar tafal makket dat moai rûne tal eksakt ien persint fan de befolking fan 649.944 op 1 jannewaris 2020. Hoe’t it kin snapt gjin minske.

Fers2 21 juny 2020

Us wrald docht in berop op us

om te harkjen, oerein te kommen en te ferbetterjen

image Fers2

Ja, wy sjogge de meast groteske konfesjes op de wite landing pages, mar tinke dat wy—Fers2!—it noch better dogge: “Wylst de nachtmerje geande wie hiene wy allang witte kinnen dat wy in gigantysk obstakel foarmen foar de minsklikens … de liken op ’e dyk hiene wy sels skoepen … want wy binne de wite skriuwers en genietsje withoefolle oare privileezjes yn dizze naasje fan stratifi­kaasje … jit wy stribje der beslist nei dat wy it diskoers fan ûngeli­kens, grûne op soks futyls as de kleur fan it fel, net reprodusearje … oars bliuwt 2/3 fan de stuollen leech … wy, op it poadium mei ús ynterne kontradiksjes: dy bringe ús allegearre skea ta … noch gefaarliker, ús gebearten en ús taal bin foarme troch ús posysje njonken god … ergo de jimmer wichtiger skiedsline fan rassiale machts- en ekonomyske barjêres … dêr’t wy de oar har eangst mei kondisjonearje, sadat de iisberch groeit fan har ymplisite memoarje … en wy mar grine oer it systematysk rassisme ôf te brekken dat ‘ek yn ús’ sit.”

urgint

Fers2 5 juny 2020

Swarte libbens dogge derta

image Fers2

Ynienen komt jo premier werom op in stânpunt dêr’t sân jier lang gjin beweging yn siet, nettsjinsteande sân oktobers-novimbers fol protest op ’e dyk, dat “Zwarte Piet nou eenmaal zwart is.”

Dat weromkommen kaam om ’t ús premier net sizze wol dat systematysk, ynstitúsjoneel rassisme yn Nederlân ek foarkomt. Dy wurden wol er net brûke sei er. It soe in grut part fan ’e Nederlanners mar ôfskrikke, want dy krije dan it gefoel dat se rassisten neamd wurde wylst se dat net binne. Aha. It giet de premier hielendal net om swarte minsken en de systematyske efterstelling, stereotypearring, ûnderdrukking en haat op grûn fan de kleur fan har fel. Nee, nei tsien dagen fan fûle protesten tsjin rassisme, troch hiel Amearika hinne en oeral op ’e wrâld, tinkt de premier dat syn húsriem rassisme efkes net opportún is—it gie om driigjend stimmeferlies. Hoe fiele jo jo no?

Mar it hat gjin sin om as jo oan ’e kant fan de swarte minsken stean, as wyt kultuerynstitút, te fertellen hoe’t jo jo fiele, seit de Hyperallergic: jo moatte wat dwaan. Swarte blokken op jo keunstwebside setten rêdt gjin swarte libbens. De earste njoggen dagen fan protesten nei de dea fan George Floyd hawwe al hûnderten ferwûnen brocht en teminsten 12 deaden, dêr’t de measte Afrikaansk-Amerikaansk fan binne. De moard op de swarte David McAtee op 1 juny yn Louisville is skokkend allyk oan dy op Taylor. En de protesten gean troch, ek al ha stêden de jûnsklok ynsteld en is de Amerikaanske plysje bewapene oant op ’e tosken.

Want middenyn de nacht fan 13 maart bruts de plysje fan Louis­ville, Kentucky mei in stoarmraam de went yn fan de Afrikaansk-Amerikaanske medyske helpferliener Breonna Taylor dy’t hjoed 27 wurde soe. Nei in koarte konfrontaasje sketten se ferskate kearen op har en rekken har teminsten acht kear. De plysje socht twa manlju dy’t se fertochten fan drugshannel yn in hûs dat in hiel ein fan Taylor harres ôflei, mar de rjochter hie ek in hússiking tekene foar de went fan Taylor, want jo witte mar nea. Op de jûn fan Memorial Day, moandei 25 maaie yn Minneapolis, Minnesota, tocht in winkel­betsjinner dat Floyd betelle hie mei in falsk briefke fan 20 dollar. In (wite) plysjeman drukte syn knibbel 8 minuten en 46 sekonden lang op Floyd syn nekke wylst Floyd mei hânboeien om op ’e dyk lei. De lêste trije minuten dêrfan is Floyd bewusteleas. De fideo dy’t in omstanner derfan makke gie dalik de wrâld oer. Lykas as de swarte Eric Garner yn 2014 dy’t yn ’e smoarklam fan in plysje fermoarde is, hie Floyd hieltyd sein hie “I cant’t breathe.”

Ferline jier hat de plysje yn de Feriene Steaten mear as tûzen minsken deade, seit de ûndersyksploech Mapping Police Violence. Swarte minsken binne oerfertsjintwurdige by dy deaden, mei 24 persint, wylst se mar 13 persint fan de populaasje útmeitsje. Fan 104 ûnbewapene swarte minsken dy’t de plysje deade yn 2015 is mar yn 13 gefallen ien of mear plysjemannen oanklage. Dy 13 saken resultearren yn mar 4 feroardielingen en gjinien wie feroardield ta mear as 4 jier finzenis. De rjochtsaak tsjin Floyd syn moardner, Derek Chauvin, is útsteld fan 1 juny oant moandei 8 juny, om de protesten yn Amearike net ekstra oan te wakkerjen. Ommers dat Chauvin net sitte sil foar moard leit foar de hân.

Sa wurket it deagewoan net. Earst, in moanne lyn erkende ús Belestingtsjinst, dus ús oerheid, dat er jierrenlang etnysk profilearre hat. Twad, ûndersyk fan Amnesty lit sjen dat ús plysje etnysk profilearjen deagewoan fynt, ek al bepaalde de Hege Ried yn 2018 noch dat etnysk profilearjen yn it ferkear net mei. Tred, yn Nederlân hat de Twadde Keamer yn 2019 stiltsjes in wet oannommen dy’t no by de Earste Keamer leit: dat plysjemannen by plysjegeweld in legere straf krije en net automatysk fertochte binne. De Ryks­resjersje publisearret gjin sifers oer minsken dy’t deagean troch bygelyks in nekklam, lykas de Arubaanske man Mitch Henriquez yn 2015, mar telt allinnich saken dêr’t fjoerwapens by brûkt binne. Tusken 2016 en ein 2019 giene 33 minsken dea troch door plysjehanneljen, trochinoar 8 it jier. Tusken jannewaris 2020 en juny 2020 binne al 8 minsken omkommen. It deadlik geweld nimt ta.

Dêrom is te sizzen dat Fers2 de Floyd-opstân en Black Lives Matter stipet gratuit. Wy moatte wat dwaan. Wat kinne wy dwaan?

  • Donearje. Sjoch ‘115 ways to donate in support of black lives and communities of color’, the Strategist.
  • As jo net donearje kinne, se hawwe in manier betocht dat minsken dy’t gjin jild stjoere kinne dochs Black Lives Matter finansjeel stypje kinne. ‘YouTubers are creating monetized videos for those who can’t donate to Black Lives Matter’, Poligon.
  • Lêze oer bagatellisearring en ‘blaming the victim’. ‘Revolution, not riots: Prospects for radical transformation in the Covid-19 era’, Counterpunch. It barren yn Amerika folget in bekende spriaal. De (wite) media & de (wite) macht reagearje neffens in fêst patroan, mei yn it foarste plak de skuld by it slachtoffer sels te lizzen—de krimineel Floyd hie de winkel falsk betelle, sûnder derby te melden dat er syn wurk ferlern hie troch de COVID-19-pandemy—en fansels de ‘black-on-black’-geweldsmyte fan systematysk plysjerassisme. Dat de earmoed as gefolch fan de pandemy in nij Amerikaansk fassisme bringe sil, is fan ferskate kanten foarsein.
  • Oproppe ta filmjen en op it ynternet posten fan plysjegeweld. Anounymous komt yn aksje. De ‘hacktivist’-ploech Anonymous docht wer mei en hat in fideo ferspraat mei in oprop oan de Minneapolis Police Department.
  • Aktivistyske keunst ferspriede en oproppe ta geweldleas ferset. ‘Black squares don’t save black lives’, Hyperallergic. Elkenien kin helpe, op alle firtuele en ‘reality’-manieren.
  • Organisearje solidariteitsprotesten. Dat makket wiswol ferskil: troch streaming oer it ynternet stean de troffen mienskippen yn Minneapolis en Louisville der net allinnich foar. It Black Lives Matter-protest tsjin rassisme en plysjegeweld wie op 3 juny al útwreide nei 18 lannen oer de hiele wrâld: it is it grutste boargerprotest ea. Hjir stiet in ynteraktive kaart mei de protesten.
  • Lêze oer rassisme yn Nederlân. Wit Huiswerk. In sammelside foar wite minsken dy’t mear witte wolle oer rassisme. Us West Yndyske Kompanjy brocht in ‘gouden’ ieu, in ryksmuseum fol keunstskatten en 550.000 oant 600.000 Afrikaanske minsken nei Brasilië, Noard-Amearika, de Karibben en Antillen en de slavemerk fan Kurasao. Nederlân wie ien fan de lêste lannen dy’t (swarte) slavernij ôfskafte.
  • Noch mear lêze. The Black Archives.

Wa’t foar Fers2 skriuwe wol oer swart ferset, Black Lives Matter en hoe’t ‘rioting & looting’ net is wat it neffens de mainstream media liket, alle kopij wolkom!

Fers2 nû. 6.3, 10 maaie 2020

Befredigingskeunst

image Fers2

Krisis is koart foar ‘gjinien wol der ferantwurdlikens foar nimme’. Flechtlingekrisis, ekokrisis, koronakrisis.

Keunstkrisis. Dy komt net troch it fysike ôfstângebod. Wa docht dêr ek oan mei? Guon kognitive gedrachspsychologen ha de webside al oanpast: “Hâlden: tefolle drinke, omgong en petear ûntwine, tefolle ite of: it nei hûs gean / thús bliuwen ûntrinne.” Oarsaak: net holle keunst, mar tinkflaters. Notiid-bias (as ik pas moarn siik wurd, hoech ik no gjin mûlkap op), oergeneralisearjen (it kin net slimmer wêze as de SARS en bargegryp), minimalisearjen (it is eins mar gryp, inkeld âlde lju krije it, 80 persint fan de besmetten ha mylde klachten), gefoelsriddenearjen (it kin net slim wêze, ommers ik haw der gjin noed oer), wiersizzerij (oer in jier hat it in stoarm yn in glês wetter west, lykas it zikafirus), oanspraak (ik haw it rjocht om te dwaan wat ik wol), mei syn patriottyske en/of 5G-fariant (ik haw rjocht op ferienjen om ús mienskiplike fijân del te slaan, c.q. yn ’e fik te stekken).

Boppedat bestie de keunstkrisis al foar de pandemy: de museum­blockbusterkrisis (losse it besikersprobleem net op want de tydlike besiker komt net foar it museum mar foar de hype), skouboarch­toanielkrisis (Aksje Tomaat wie te súksesfol en no sitte wy mei flink konkurrearjend skodoar- en garaazjeteater), krisis fan ’e keunst­krityk (wy dûnsje noch, gjin fulkaanrâne te sjen); keunstners sels binne permanint yn krisis, de hystearika’s.

Ferfolch

Fers2 freget politike haikus

Fers2 sil net stoppe mei it politisearjen fan de pandemy. Wy witte no wol dat in firion in klútsje genen mids beskermings­aaiwiten is, dat yn jo longsellen glûpt en dêr de fakulteit om oarmans pine, eangst & lijen mei te fielen opfret en sa jo persoanlike ferantwurdlikens om oaren net te besmetten dalik smoart… It punt is: bewust oerheidbelied om it ôfremjen fan firusfersprieding oer te litten oan ’e boargers is goedkeap. Us jongerein drage de swierste lockdownlêsten, mar gjin applaus, want se stimme noch net. America First is slagge → 80.000 dea + nij (giel) rassisme. Facebook Kulinêr biedt strûpte skobbisten. Lieders smite wittenskip net langer yn ’t laad? Wat as it de link bleatleit fan de pandemy mei it neoliberalistysk kapitalisme dêrt de oerheid him goedhertich yn fuortsiferet en wa’t libben fan de beäzeming ôf komt dalik de big corp bailout betelje mei.

Om tsjingas te jaan oan ’e offisjele firusnarrativen freget Fers2 om politike haikus. Polityk is dat it giet oer wa’t meiprate mei oer de wrâld. Alles is wolkom!

In wiisfinger krûpt

by de himeltekens del.

It âld smûch dwelmet.

Fierder: wit jo noch, yn 2008 moasten wy de resesje dochs ek fral net politisearje; dêr sieten wy dochs ek ‘mei syn allen yn’?

Yn jannewaris 1995 freegje skriuwers Trinus Riemersma en Willem Abma oan inoar fan wêrom is der folle minder literêr libben as 25 jier earder? Se hawwe har fauteuils in hiel ein utinoar skood. De Fryske literatuer wie altyd al in 3-metermienskip. It rekrutear­ringsfjild is lyts, sizze se. Troch de massamedia strûpt it Frysk derûnder sadat dy taal net oanlokket om deryn te skriuwen. Har generaasje trochbruts alle taboes al. Har klupke hat safolle bombary makke dat de jongerein net mear doarre. De arrivés ha sa oan ’t bewegen west dat se allinne mar in hiel rêstich neiteam krije kinne. Skriuwkursussen oan minsken sûnder in poarsje literêre oanlis smyt midsmjittige en nea grutte skriuwers op. Sa’n kursus is foar him jout én krijt selsbefredigjend, seit Riemersma. Abma seit in pear kear dat hy inkeld foar himsels skriuwt, en/want dat syn driuw is om de wierheid te sizzen. It wurd literatuerkrisis neame se net.‘30 Minuten literatuur: gesprek tussen Trinus Riemersma en Willem Abma, 15 Januari 1995’, Omrop Fryslân, g.d., weromrop.omropfryslan.nl/nl/uitzending/30-minuten-literatuur-gesprek-tussen-trinus-riemersma-en-willem-abma, krigen 28 april 2020.

De skriuwkursussen holden op om’t der ûnder de would-be- en wannabe-literators te min animo foar wie en is. As in legemidden­klasse tiger mom hoedet skriuwer Elske Schotanus noch jimmer oer it ûnwillich potinsjeel op ’e efterbank en ropt om nije skriuw­kursussen. De opbringst dêrfan is mar goed, sei Riemersma út ûnderfining, foar ienris in koart ferhaal printe yn ’e Frysk en Frij. Dat tydskrift hold der net lang dêrnei mei op. Dat der gjin korre­laasje fûn is tusken noflike yngreepkes en winske útkomsten docht der net mear ta, as de dream al yn ’e opfiedboeken stiet: poppe langer oan it boarst jout him letter hegere eksamensifers, de marshmellowtest jout karjêresúkses en deadet it hawwe-hawwe-hawwe, distancing yourself jout wilskrêft (ha!).

Glêsblaaskeunstner Dale Chihuly, net sasear bekend fan syn fenomenale glêzen skulptueren as wol fan de noch bjusterbaarlikere plagiaatprosessen tsjin en fan guonlju út de swarm akoliten dy’t de objekten altyd foar him makket, dy tinkt no nei oer de rol fan keunst yn it libben en emosjoneeel wolwêzen. “With people sheltering in place and coping with the crisis, it’s profound to think of how transformational art has been in fostering great friendships and community throughout my life, and how it has helped me and so many others persevere and thrive in times of hardship and challenge.”Gabriella Angeleti, ‘Dale Chihuly reflects on ‘transformational’ power of art amid coronavirus lockdown’, The Art Newspaper, 27 april 2020, www.theartnewspaper.com/news/seattle-based-artist-dale-chihuly-reflects-on-transformational-power-of-art-amid-coronavirus-lockdown, krigen 28 april 2020. Chihuly is 78, siik, kwetsber middenyn Seattle dêr’t it koronafirus hurd taslacht, wachtsjende oant Tennessee wer iepen­giet foar de nonessential business + nonessential gatherings en dus foar Chihuly syn útstelde eksposysje, en skatryk want in wurk mei syn handtekening docht samar in miljoen dollar.

De krisis fan it kapitalisme. De Feriene Steaten stiene al op ’e drompel fan in ekonomyske resesje. Alle sinjalen wiene der: healwiis opdreaune koers-winstferhâldingen, dus in healwiis opswollen oandielemerk, bedriuwen mei in enoarm swiere skuldfinansiering, gjin romte foar de sintrale bank om de rinte fierder werom te snijen, gigantyske konsuminte- en studinteskulden, in groulike ekonomyske ûngelikens, sa slim dat de it boppeste tsiendepart fan de top-1-persint riker is as de ûnderste-1-persint, tsienmiljoenen dy’t mar ien spjuntich leanbriefke ôf binne fan net mear de deistige libbens­kosten betelje kinne, ensafuorthinne. De pandemy wie inkeld mar de lêste drip—net de keunstsubsydzjes.

De oare kear dat de amer oerrûn, yn 2008, hearden wy lykas no jubeljen dat de ynstoarting fan ’e wrâldekonomy in paradigmawiksel bringe soe fan hoe’t wy keunst sjogge, meitsje & kritisearje. Begjin 2009 rjochten se Ensafh op. Dat paradigma is al healweis syn wiksel, by de provinsje Fryslân. Dy sil dit jier “St Hispel Frysk literêr tyd­skrift Hjir” mei 36.000 euro stypje, want “Ensafh is in Fryskliterêr (ynternet)tydskrift en hat de ambysje om in (digitaal) literatuerplein te wêzen.”‘Bijlage 10 Overzicht periodieke subsidies begroting 2020’, Provinsje Fryslân, g.d., provinciale-begroting.frl/2020/planning-control/begroting/bijlagen/bijlage-10-overzicht-periodieke-subsidies-begroting-2020/frl/, krigen 29 april 2020. Dêrboppe-op stipet it Letterefûns Ensafh trochrinnend, yn 2019 mei 24.000 euro. Literatuerplein, literary square, hat in rubryk op Goodreads: mei lêsfoer foar de konvinsjonele oant âlderwetske smaak, wurk dat altyd wol ferkeapet. Makket 60.000 in ynfestearringskrisis?

Is keunst in oantreklike ynfestearring yn tiden fan krisis, frege in Libaneesk hannelstydskrift him ein jannewaris ôf. Alaarm oer it koronafirus wie en bliuwt dêr in lúkse. Banken sitte sa krap by kas dat de earste klanten hûndert dollar meikrije kinne, de rest moat nei hûs sûnder jild foar iten. It trochsneed jierliks rendemint fan keunst is 4,6 persint yn de rin fan 13 jier. De keunstmerk is net gefoelich foar politike heisa en ekonomyske maleur. Analisten sizze dat de S&P 500 troch de pandemy 30 oant 40 persint falle sil, wylst de keunstyndeks yn 2008-resesje mar 4,5 persint foel. By kontrôle op it kapitaalferkear sluzet in keunstynfestearring jo jild fluch it lân út. Nei goed 5 jier yn besit fan de ynfestearder smyt keunst winst op. Mar: “Who is likely to buy from a Lebanese artist? Another Lebanese in most cases. (…) Relying on amateurs in the diaspora drastically limits the possible returns.”

By in Frysk dichterkollektyf is it krisis. Ik krige niis in parse­berjocht: tenei moatte by har twa strofen meiinoar 15 wurden telle, minder mei net mear. It model, “ûntdekst (…)/ dat útbloeide tulpen/ mear/ mei dy dogge/ as bloeiende”, is wat se ‘transformational’ neame, om’t it de hieljende, spirituele macht draacht ta sels­ferbettering. De krisis fan ’e bohemiennarrative: selsferbettering is neoliberalisme in optima forma. It formele materialisme, s.m.a.r.t. wurdproduksje, is sa effisjint as wat. Yn kalm praattimpo duorret it útstel fan ’e dichterlike selsbefrediging net langer as 7 oant 9 sekonden. Gimme gimme gimme (a man after midnight).

Keunst hie al safolle krisissen oerlibbe foar’t de manifesten yn ’e krante kamen—net tafallich om ’e berte fan it parseberjocht hinne—oer hoe’t keunst tenei wêze moast, dat wy ûntspand tochten dat in nij urinoir de boel wol reanimearje soe. Mar Marinetti syn futuris­tyske utopy wie in ekstreem yndividualistyskenien. Ek it kubisme sette de yndividu sintraal en skjintme as fûnemintele standert. It nije estetisisme wie net samar de klassike keunst om ’e keunst; it woe de kultuer te boppen gean, as in alomtsjintwurdich eat de brêge slaan tusken ús ymperfekte bestean en de wrâld fan skjintme, alles wêze, it libben yn keunst jitte. Yn ’e postmoderne tiid moast keunst ultra-autonoom wêze en de keunstner folslein frij.Nikolai Berdyaev, The crisis of art I, 1918, www.berdyaev.com/berdiaev/berd_lib/1918_14.html, krigen 28 april 2020.

It artistyk yndividualisme omearmke it utilitaristysk egoïsme. Herbert Spencer syn tinkbyld fan natuerlike seleksje en it oerlibjen fan de bêst-oanpaste is it fûnemint fan de hjoeddeiske hyperyndivi­dualistyske maatskippij. Jo kinne hjir in listfers komponearje dêr’t ús fenomenale surrealist—it lêste keunstsinnige protest tsjin de ferstikkende omstannichheden fan it yndividualisme kaam út it surrealisme—Breton jaloersk op wêze soe: de minske moat oan himsels tinke/ hy moat foarby gean oan oaren/ hy moat it mienskiplik guod slope... Marx sei yn Das Kapital dat enclosure in kaairol spile yn ’e revolúsjonêre omkearing fan feodalisme yn kapitalisme. Want dat lân feroare fan in middel ta libbensûnderhâld yn in middel om winst te meitsjen op produktemerken, skieppewol yn Ingelân, en tagelyk skoep de wurkjouwerklasse de betingsten foar de moderne arbeidsmerk, troch selsstannige lytsboeren en hearigen te feroarjen yn lân-leanwurkers dy’t minder kâns hiene om de merk te ferlitten as de mienskarren omsletten wiene, troch de minskitende skiep.

“Your sheep,” I said, “that commonly are so meek and so little, now, as I hear, they have become so greedy and fierce that they devour men themselves. (…) Living in idleness and luxury without doing society any good no longer satisfies them; they have to do positive evil. For they leave no land free for the plough: they enclose every acre for pasture”.Thomas More, George M. Logan en Robert M. Adams (red.), Utopia, Oanp. pr. (Cambridge ensf.: Cambridge University Press, 1975) 18.

Tichterby by de keunstmienskar as Burning Man yn Nevada komme jo net. It is gjin festival lykas Oerol, mar in stêd. It navenant non-profit-stedsbestjoer moediget de tydlike—dit jier online—bewenners har autentike utering en belutsenens oan. De noarmen dêrfoar drage se oer mei storytelling—gûverneur fan New York, Cuomo, fûn út dat de wurden ‘shelter in place’ panyk útlokken, sadat er om it synonime ‘stay at home’ frege—en debat en oparbeidzjen, mei it doel fan de Burning Man-kultuer oer de wrâld hinne etalearjen, selsrêdsumens en: selsekspresje.

Lykwols, it natuerlike oerrinnen of spijen fan gefoel is amper (ak­tive) ekspresje; spontaan gefoel floeie litte ûntlêstet de artyst fan de ûntheisterjende ûnútsprekberens fan syn idee: hy hat sein wat him dwers siet, wat flotter wat better; it publyk stelt gjin belang yn bio­grafyske lumen fan keunstners; ekspresje fan gefoel is hedonisme: net foar it jild, gewoan foar de lol; foarmeasken—‘it tsjinstribbich medium dat de keunstner nei syn wil sette moat’—meitsje gjin keunst, inkeld in gnirjende gefoelstwangbuis.John Hospers, ‘Philosophy of art’, Encyclopædia Britannica, 14 maart 2019, www.britannica.com/topic/philosophy-of-art, krigen 2 maaie 2020. Alhoe’t skriuwers bewizen bliuwe dat selsekspresje neat te krijen hat mei keunst, ynstituten werhelje it romantysk dogma dat jo gefoel uterjen it skeppen fan keunst is.

Earst, alle organisaasjes, ek de ‘weardefrije’ kollektivistyske klups mei ynformeel meidochbelied, wjerkeatse, proklamearje en ferspriede oertsjûgingen. It ferskowen fan politike gelikense kânsen nei kulturele gelikense kânsen—dêr’t yn Fryslân noch nea ien kritysk lûd oer klonk—hat kultuerynstituten fêstige en mei-iens fersetsploegen dêrtsjin mobilisearre. In framing-proses jout de identiteit fan de tsjinakselders stal, om har te ûnderskieden fan de mainstream. Twad, allerhanne nonprofit-keunstploechjes slagje út de burokrasy, oligargy en kultureel-ekonomyske doel­mjittigens wei, bygelyks troch alle meidoggers in stim te jaan én troch it ophysjen ta yndividuele ekspresje dy’t just faak de kweadogger is: de krisis fan Foucault syn fersetspolityk. Tred, ûndersyk nei keunst kwa kollektive aksje lit sjen dat keunstploegen mobilisearre as kollektyf gewisse fêstrinne op hoe’t aktivisten tinke dat keunst no ienris wurket: oardielen oer de macht fan symboalyske ekspresje kinne op himsels al liede ta delbêdzjen.Caroline W. Lee & Elizabeth Long Lingo, ‘The “Got Art?” paradox: Questioning the value of art in collective action’, Poetics 39:4 (2011) 316-335, doi.org/10.1016/j.poetic.2011.05.001.

Al hat gjinien yn Fryslân de depolitisearring hikkele dy’t de draai nei kulturele lykweardigens meibringt—mei syn allen fingerfervje, dêr’t wy ús alderyntymste gefoel en identiteit allikefolle by priisjaan meie—Antsje Swart wiist der wol op hoe’t Trinus Riemersma syn eksistinsjalisme in libertêre aard hie. De frije Sartriaanske inkeling is de spil dy’t wearde en betsjutting foar himsels skept. Syn persoanlike morele kar hoecht gjin sosjale of politike gefolgen te hawwen en dus net beslist te rekkenjen mei de wrâld. De mei-Marxisten karden Sartre syn tinken ôf “as self-indulgent, bourgeois individualism.”William Irwin, The free market existentialist: Capitalism without consumerism (Malden MA ensf.: Wiley, 2015) 36. Eksistinsjalistyske skriuwers ûnderstipen it yndividualisme meastal flink, om’t se har dwaande holden mei persoanlike ennui of mei it sykjen nei betsjutting en oare treast foar yndividuen dy’t har eigen lot besjogge. Ophâlde mei nâledigerjen is gjin logyske ôflieding fan it eksistinsjalisme.

“Ik stie foar de werklikheid fan leechte (…) dêr’t gjin persoanlike siel of in ego is en dêr’t alle mooglike en foarstelbere eleminten yn ferbûn binne.”Paola Guabello, ‘Coronavirus, il maestro Michelangelo Pistoletto sta meglio ed è pronto a lasciare l’ospedale: “Mi sono confrontato con il vuoto”’, La Stampa, 16 april 2020, www.lastampa.it/biella/2020/04/16/news/coronavirus-il-maestro-michelangelo-pistoletto-sta-meglio-ed-e-pronto-a-lasciare-l-ospedale-mi-sono-confrontato-con-il-vuoto-1.38725597, krigen 28 april 2020. Sa ferbruts de 86-jierrige Arte Povera-maestro Michelangelo Pistoletto nei trije wiken yn it sikehûs fan Biella de spande stilte. Pistoletto ferbynt keunst mei sosjale ferantwurdlikens. Hy rjochte der de non-profit Cittadellarte foar op dat it symboal krige fan It tredde paradys: in yngong nei in nij nivo fan planetêre beskaving, ûnmisber foar it oerlibjen fan it minsklik ras. “De tweintichste-ieuske keunst hat in diminsje fan autonomy foar himsels skoepen en in bûtenwenstige frijheid fan de keunstner: de keunst is frij om te dwaan wat er mar wol. Mar der is gjin frijheid sûnder ferantwurdlikens. Wêr is frijheid foar?”‘On the third Paradise, Michelangelo Pistoletto, TEDxMilano’, Youtube, 6 juny 2012, www.youtube.com/watch?v=fAPOeAFZlBA, krigen 28 april 2020. Cf. Michel Foucault: “[F]or what is ethics, if not the practice of freedom, the conscious [réfléchie] practice of freedom?” (‘The ethics of the concern of the self as a practice of freedom’, 1997, 284.) Jo moatte op in reële en sinfolle manier wittenskip en technology ferbine mei de natuer. In technologysk proses kin de natuer rêde. Want werom nei de prehistoarje kin net. Wy kinne inkeld foarút, sûnder ússels te ferneatigjen. De symboalyske kant fan keunst, seit Pistoletto, is in mienskiplik elemint: in middel om in idee te fersprieden.

Ik bewûnderje Pistoletto, mar nee. Keunst as middel ta it utilita­ristysk belang fan ynformaasje = keunst dy’t funksje foaropstelt ynstee fan artistike wearden lykas formele skjintme + dat ynstru­mintele doel liket heger as it direkte belang fan ‘it minsklike’ = utilitaristyske keunst. As eat net yn krisis is mar yn syn absolute bloeitiid, is dat it utilitarisme. It stelt dat hoe goed at in hanneling is, bepaald wurdt troch syn ‘utiliteit’ foar de hiele mienskip. De saak fan inkelingen mei opoffere wurde foar it gelok fan de measten. De útkomst fan it hanneljen is de iennichste morele standert om it hanneljen te hifkjen. Ergo, âldelju, dy’t it heechste gefaar fan it koronafirus rinne en dochs net mear produktyf binne, sizze konservative politisy, ekonomen en pundits, meie dea om ’e ekonomy te rêden. Utilitaristyske keunst liket in oksymoron, mar Arte Útil bestiet. Util is in ienheid om befrediging fan ferlet en neden fan ’e konsumint te mjitten as er it produkt brûkt—dus befredigingskeunst. Dat stelt nij gebrûk fan keunst yn ’e maatskippij út, jout in antwurd op hjoeddeiske neden, ferfangt skriuwers mei inisjators en taskôgers mei brûkers, en hat in praktyske en helpende útkomst foar al syn brûkers.

Ynienen komt Ljouwert literatuerstêd út syn splendid isolation, hat nea kontakt mei ús ha wollen, mei in paternalisearjend metonym foar de wrotters op ’e knibbels mids it setguod. “Lief literair veld.” Bliuw thús! bromme en kniperje ljochtbuorden op alle literatuer­pleinen en literêre fjilden dêr’t wolris sinne skynt: € 390! “Graag ontvangen wij vanaf nu uw (relevante) tips en persberichten. Wij behouden ons het recht voor een selectie te maken.” Wis, seleksje: it oerlibjen fan de bêst oanpaste befredigingskeunstner. “Bij het aan­leveren van activiteiten (…) info over kaartverkoop” trúnt de keunst oan om ’m as BV IK te ferpatsen op ’e merk.Peter Kelly, The self as enterprise: Foucault and the spirit of 21st century capitalism (Farnham, Burlington, VT: Gower, 2013) 8. De sûnenskrisis waard al hast dalik in ekonomyske krisis, en troch elke krisis hinne skimeret it alâlde systeem fan dominânsje en profytprinsipe. “Met vriendelijke groet,/ Berber,/ Marketingcoördinator”.

Noaten

  1. ‘30 Minuten literatuur: gesprek tussen Trinus Riemersma en Willem Abma, 15 Januari 1995’, Omrop Fryslân, g.d., weromrop.omropfryslan.nl/nl/uitzending/30-minuten-literatuur-gesprek-tussen-trinus-riemersma-en-willem-abma, krigen 28 april 2020.
  2. Gabriella Angeleti, ‘Dale Chihuly reflects on ‘transformational’ power of art amid coronavirus lockdown’, The Art Newspaper, 27 april 2020, www.theartnewspaper.com/news/seattle-based-artist-dale-chihuly-reflects-on-transformational-power-of-art-amid-coronavirus-lockdown, krigen 28 april 2020.
  3. ‘Bijlage 10 Overzicht periodieke subsidies begroting 2020’, Provinsje Fryslân, g.d., provinciale-begroting.frl/2020/planning-control/begroting/bijlagen/bijlage-10-overzicht-periodieke-subsidies-begroting-2020/frl/, krigen 29 april 2020.
  4. Nikolai Berdyaev, The crisis of art I, 1918, www.berdyaev.com/berdiaev/berd_lib/1918_14.html, krigen 28 april 2020.
  5. Thomas More, George M. Logan en Robert M. Adams (red.), Utopia, Oanp. pr. (Cambridge ensf.: Cambridge University Press, 1975) 18.
  6. John Hospers, ‘Philosophy of art’, Encyclopædia Britannica, 14 maart 2019, www.britannica.com/topic/philosophy-of-art, krigen 2 maaie 2020.
  7. Caroline W. Lee & Elizabeth Long Lingo, ‘The “Got Art?” paradox: Questioning the value of art in collective action’, Poetics 39:4 (2011) 316-335, doi.org/10.1016/j.poetic.2011.05.001.
  8. William Irwin, The free market existentialist: Capitalism without consumerism (Malden MA ensf.: Wiley, 2015) 36.
  9. Paola Guabello, ‘Coronavirus, il maestro Michelangelo Pistoletto sta meglio ed è pronto a lasciare l’ospedale: “Mi sono confrontato con il vuoto”’, La Stampa, 16 april 2020, www.lastampa.it/biella/2020/04/16/news/coronavirus-il-maestro-michelangelo-pistoletto-sta-meglio-ed-e-pronto-a-lasciare-l-ospedale-mi-sono-confrontato-con-il-vuoto-1.38725597, krigen 28 april 2020.
  10. ‘On the third Paradise, Michelangelo Pistoletto, TEDxMilano’, Youtube, 6 juny 2012, www.youtube.com/watch?v=fAPOeAFZlBA, krigen 28 april 2020. Cf. Michel Foucault: “[F]or what is ethics, if not the practice of freedom, the conscious [réfléchie] practice of freedom?” (‘The ethics of the concern of the self as a practice of freedom’, 1997, 284.)
  11. Peter Kelly, The self as enterprise: Foucault and the spirit of 21st century capitalism (Farnham, Burlington, VT: Gower, 2013) 8.

Fers2 nû. 6.2, 29 maart 2020

Dizze wrald

image Fers2

Sadree’t ik myn boek iepensloech seach ik it: Ernst Bruinsma, Afûkdirekteur en ferljocht despoat fan ’e Fryske boekesektor, hat wol in bytsje gelyk. De Fryske proazaskriuwerij stelt werklik gjin klap foar. In gjin gefal njonken it boek yn myn hannen (Card syn Ender’s game) en sels mei Bruinsma syn rituele goedgeunstigens helje de Fryske ferhalen en romans dy’t no ferskine net it nivo dat in boekwikekado easket. It Nederlânske b.w.kado haw ik wol ris wegere yn ’e boekhannel en ik sil lang net de iennichste wêze. Mar dat kado mislearret mooglik troch it ferplichte tal wurden fan 29 tûzen, dêr’t roman- noch ferhaleskriuwers mei omgean kinne. It komt net om’t de skriuwers überhaupt net fatsoenlik skriuwe kinne. En dat is wat Bruinsma, neffens de berjochten, sein hat: der binne “op ’t heden te min oansprekkende Fryske proazaskriuwers om alle jierren in boekewikekado te meitsjen.”

Ferfolch

Fers2 freget politike haikus

Fers2 sil geregeldwei tuskentrochstikken publisearje yn ferbân mei de pandemy, jo witte, dat ûnsichtbere ûnk dat mei 5G ferspraat wurdt oer benammen minsken dy’t sowieso al it slachtoffer wiene fan in kultuer dy’t har twong om har in obesitas te fretten. Ynstee fan dat it firus in gelikense kâns biedt oan alle minsken, lykas de danse macabre dy’t elkenien ferienet, giet it oeral op ierde troch de kleauwen fan de mienskippen hinne: de ûnderklassen dy’t wy mei ús hyperkapitalisme kweke ha en dy’t neat te kedizen ha en ek o sa ferfangber binne, dy hoege wy net iens te fergassen: se geane út harsels al, yn Yndia, de Brasiljaanske favela’s en de swarte buerten fan de FS.

Om wat tsjingas te jaan oan ’e krokodilletriennehype freget Fers2 om politike haikus. Polityk is dat it giet oer wa mei it sizze, dus macht. Alles is wolkom!

Flearmûzen snjirkje

sa’t cell data sjen lit gâns

leger oer earmlân.

Fierder: stypje Amnesty International want minsken wurde oppakt of ferdwine as se korona yn ’e iepenbierens bringe, jou jild oan de goeie goede doelen en hoastje yn jo earmtak.

In wike letter, op sneon 14 maart, parearret in Fryske proaza­skriuwer, Elske Schotanus, Bruinsma syn oanfal: “In wichtige fraach is wat Fryslân syn proazaskriuwers te bieden hat.” “Ask not what your country can do for you—ask what you can do for your country.” In dei earder hie útgeande presidint Eisenhower yn petear mei president-elect Kennedy net sizze wollen dat Fietnam it grutste obstakel wie dêr’t it lân foar stie, nettsjinsteande de lykpûden. Op 27 ferbrewaris wie it earste Nederlânske koronageval bekend, yn Tilboarch. De link fan karnavalle yn Tilboarch, tusken 23 en 25 febrewaris, en korona krije koene se op 2 maart oanwize: de kloft hossend fleis wie it ûntfangstbanket foar de covid-19. Op freedte­middei 6 maart seit it RIVM dat er 128 minsken yn Nederlân besmet binne mei it koronafirus, de iene deade meiteld—mar it CPNB yn al syn gloarieuze fier boppe de wrâld ferhefte keunstkloaterichheid, lit jûns syn jierliks boekebal trochgean.

Net ien lasket de doar fan ’e Stedsskouboarch ticht en lit de ikke-rebellen en ego-dwerstinkers—“oan sa’n firuske gean ik net ûnder,” seit Bart Chabot—lekker har eigen feestsje fiere. De oare deis tsjocht b.w.kadoskriuwer Annejet van der Zijl gewoan op toernee troch Nederlân, op ’t lêst is selspromoasje—noch—net ferbean. As se op de jûn fan 7 maart yn Ljouwert stiet hat Nederlân 188 koronapasjinten. Rutte hat syn winsk fan keppelymmuniteit al utere, dus dat der safolle lju mei wjerstân tsjin ynfeksje binne dat de kwetsbersten minder gefaar rinne, wat sa’n heechst ûnwierskynlik senario is dat hiel wat har op foarrie siikmelde om fersprieding te kearen; it RIVM hat al warskôge dat minsken mei lichte ferkâld­heidsklachten thúsbliuwe moatte. Krekt as de oerheid op 12 maart gearkomsten fan mear as 100 ferbiedt annulearje b.w.esseeïst Özcan Akyol en Van der Zijl harren boekewikeoptredens. Mar Schotanus spansearret gjin wurd oan it skokkend ûnferantwurdlike optreden fan de skriuwers, noch oan it CPNB dat de boekewike gau útrekt ta in -moanne om de kadoboeken dochs noch te sliten; de winkels binne ommers noch net sletten.

Fan it koronafirus rint de deadlikens hurd op boppe de sechstich jier, de measte Frysksprekkers binne âld en korona sil de Fryske taalbehearsking kelderje litte nei in pear persint. Mar de relaasje tusken korona en Fryske taal is fansels in spurieuzenien: jongelju behearskje it Frysk net om’t skoallen it net ûnderwize, om krekt te wêzen, om’t it provinsjebestjoer de skoallen tastiet om gjin substan­sjeel ûnderwiis Frsyk te jaan. Schotanus makket in skynbeweging. “Fernijing is (…) it pinepunt net, dat leit ergens oars,” seit se, nammentlik fan de hjoed aktive Fryske proazaskriuwers krijt “mear as de helte AOW.” Krekt: dat docht it lân foar ús. Dus wat wol Schotanus? Dat Fryslân syn proazaskriuwers in ferjongingselikser jout?

Want oer fernijing hat Bruinsma it net hân. Dy sei fan oansprekkendheid. Yn ’e klassike retoryk is dat definiearre as ien fan ’e wichtichste oertsjûgingsstrategyen: in tekst moat de logika oansprekke, mar ek direkt de emoasjes, it gefoel foar humor en de kuozze opfettingen fan it publyk. Mar post-Aristoteles, op it ynter­net, docht bliken dat oansprekkende literatuer meitsjen typysk eat is dat de marketears dogge. Moaie plaatsjes fan boek en skriuwer op de media, nammen en titels rju falle litte en superlativen op de efterflap dogge it oansprekwurk, hawar. De fernijingsgjalp komt wol by Bruinsma wei, mar út in healjier âlde ‘skriuwoprop’ op de Afûkwebside.

It is de bining mei de werklikheid dy’t wy de jongste jierren sjogge yn it wurk fan [it rychje kanonisearre dichters]. Wêr bliuwe de proazaskriuwers as it om dizze tematyk giet? En wêr sit de literêre fernijing op dit mêd?

De bining mei de werklikheid is hast ferbrutsen yn de Fryske literêre tradysje. Heech tiid om ús de fraach te stellen: Wat wit ik fan dizze wrâld?

By in literatuerûndersyk út 2014 oer fernijing fûnen se goed 40 definysjes, seit Wikipedia. Dy hawwe allegearre te krijen mei it tapassen fan bettere oplossingen om oan nije easken en net-utere of besteand merkferlet te foldwaan. Literêre fernijing kin allyksa in konsept út de boeke-ekonomy wêze, mar gjin inkelde kritikus dy’t of ynstitút dat dy wurden brûkt, fertelt wêr’t er it oer hat. Tresoar seit dat de literêre fernijing fan de sechstiger jierren ynhold dat der romte wie foar net neier omskreaune nije inisjativen en dat jonge skriuwers nije poadia sochten. De iennichste dy’t mei in hint komt is Geart Wumkes yn 1916: literêre fernijing is Douwe Kalma syn ôf­wizen fan folkskeunstliteratuer (in set dêr’t Wumkes syn twivels oer hat). Literêre skoallen soene allegeduerich en warber om fernijing sykje, mar jo moatte betinke dat skriuwers gjin skoallen stiftsje. Dat dogge literatuerkritisy lykas Wumkes, efterôf; in skriuwer skriuwt gewoan in sa goed mooglik boek. Topkwaliteit is eat dêr’t in skriuwer bêst stagnaasje yn wol.

Goeie literatuer ûnderskiedt him troch karakterferkenning. Karakterûntjouwing yn in ferhaal is net nedich—Billy Pilgrim bliuwt like traumatisearre en schizo—mar essinsjeel is it trochgeande sykjen nei wa’t myn meiminske is en wa’t iksels bin en wat wy dwaan moatte, sadat literatuer ús dingen sjen lit dy’t wy earder net seagen en wy ús dêrtroch ferbine kinne mei oare libbens & wrâlden. It gefolch dêrfan is dat jo dalik sjogge dat goeie literatuer tiid- en plakleas is. Dêrom dript fan de Afûk-fraach hjirboppe, “Wat wit ik fan dizze wrâld?” it synisme ôf. (myn kursyf, fr) Dat de hurde kearn­friezen de pandemy oangripe soene om fia in Fryslân-lockdown nei ôfskuorring en ûnôfhinklikens, koene jo midsjannewaris al riede. Mar “de werklikheid” en it melodramatyske “bining hast ferbrutsen” en “Fryske literêre tradysje” binne hielendal gjin dingen dêr’t keunst mei wurket. As jo sokke bûtenliterêre kritearia as útgongspunt nimme wurdt literatuer fansels “het zorgenkindje van het cultuur­leven alhier”; de sovjetlieding stie ek altyd klear mei droege ruften foar har sovjetskriuwers.

Earst dit. De reden foar it ûnsichtber meitsjen fan Frysktalich proaza is belachlik simpel: de skuld fan it deagean fan ’e Fryske taal dellizze by de skriuwer. Dy is ommers út himsels en masse opholden mei yn it Frysk te skriuwen—sjochsto noch ien profesjonele Fryske skriuwer, op Josse de Haan nei dy’t al in heal minskelibben yn it útlân wennet?

Fierder is der gjin ûnproblematyske definysje fan werklikens. As it domwei alles is dat troch ús sintugen ta ús komt, bestiet korona net en de resesje dy’t er feroarsaket ek net, likemin as it sifer 5. Wreidzje jo de definysje út mei wat wy miskien net waarnimme mar dat in flinke ploech foar wier nimt, sadat jo subjektive hallusinaasjes keare, dan bliuwe de kollektive wanen. Miljoenen beskôgje Trump as in effektive wrâldlieder. Dat genôch minsken earne yn leauwe makket it net werklik. Dêrtsjin kinne jo de stiifheid fan werklikens yn ’e definysje opnimme: werklikens is wat net fuortgiet as jo ophâlde deryn te leauwen, seit Philip K. Dick. Mar guon werklike dingen hâlde wiswol op te bestean as wy der net yn leauwe, tink oan de ûnbewiisbere deadlikens fan tabak smoken. Oarsom is der fanalles dat ik net as echt beskôgje, dat my likegoed efterfolget, lykas de film Get out—in keunstner wurket just mei fiksje: om’t dat ús bybliuwt, likefolle wat werklikens is.

De hast/ ferbrutsen bining is in sedimint yn ’e Fryske literêre tradysje. Mar de waarme bân fan it avantgardisme fan goed in ieu lyn—dat folsleine dekonstruksje fan de werklikens neistribbe—en fassisme wie in ynternasjonaal ferskynsel, net spesjaal Frysk. Literêre tradysje is in oanwaaksend proses fan teksten trochjaan oan nije generaasjes. Yn ’e praktyk hat dat meastal in selektyf ferrin. It ‘weardefolste’ wurdt derút pikt as wichtich, de kanon, dat wat de bern leare moatte. Sa beynfloedet just dat protsje ek de skriuwers: yndie is in reden om in literêre tradysje del te setten de foarming fan literêre konvinsjes, oftewol stylistyske of formele middels of eleminten fan ûnderwerpen dy’t troch werheljen yn wurk nei wurk tekens wurde fan ferskate soarten of sjenres fan skriuwen, lykas ‘fryske’ literatuer.

De oerdracht fan ’e literêre tradysje bart net sasear op it nivo fan offisjele algemiene konvinsjes; net ien dichtet noch fryske fjouwerrigels. It krijt syn beslach troch opnij brûken fan bylden—it weake miedlân—en lienen en útwurkjen fan plot—de reis as sels- of identiteitsûntdekking—en adopsje fan personaazjetypen oant op it punt fan stock characters—de stymske of Byronyske held—en fansels setting—faak in soarte fan eilân mei syn archetypyske ôfsûnderingssymbolyk, fan de modernistyske yndividu likegoed as mei kânsen foar ideale mienskippen. Koos Tiemersma kopiearre dat yn syn Einum en krige der fuort in Gysbert Japicxpriis foar: dat is aktyf tradysjebouwen en sa leare jo wol ôf om kreatyf te wêzen en tenei toeristeklasse hotelkeamers as setting te kiezen.

Dêrom strykt it grif dat fernijing it obstakel net is ta in Frysk b.w.kado. Mar dat der, sa’t Schotanus seit, wiswol fernijing wêze soe om’t in pear skriuwers op aktuele tema’s yngean en lêzers boppedat net hâlde fan eksperiminteel proaza, is gjin solide ûnderbouwing. Ek mist de grûn foar Schotanus har bestimpeljen fan ús ta masogisten fan bibelske omfang: Bruinsma syn fetoën fan in Frysk kadoboek soe in swiere ekstra straf wêze foar produktive skriuwers, boppe-op de straf fan it Frysk èn fan it skriuwen èn/of it plomstriken by de boekekongsi? Get real. De measten sieten al thús sosjale ôfstân te bewarjen. Oaren dogge út prinsipe net mei oan it b.w.kado om’t it keapjen fan in boek nei de belestingferheging hielendal in privileezje wurden is, ûntagonklik foar de AOW-ers; dat is wat ús lân ús te bieden hat. De rest hie de fiktive koffers al pakt, om nei de keunst­mjittige setting, de iepen metropoal fan de fantasij dêr’t se har wjukken útslaan meie.

Literêre fernijing is neffens de ynternasjonale literatuerwitten­skip eat dat mei politike en ynstitúsjonele feroaring komt. Dat bart natuerlikerwize: keunst is by definysje polityk en maatskiplik engazjearre, oftewol, keunst moat om keunst te wêzen by syn wrâld oanslute. In hiele stabile kultuer of ynfrastruktuer skept in stilstân yn syn oannames, bygelyks fan wat keunst is of wat de werklikens is, en syn noarmen en syn literêre sjenres. Keunstners krije te min romte foar nije prosessen om’t—it is spitich dat Schotanus dat net dúdlik nei foaren bringt—om’t se har kliberke mesenassen, dy’t ommers libje fan de status quo, net oertsjûgje kinne fan it nut fan radikale transformaasje. Keunst ferdwynt dan. Dichters publisearje wol yn Parys, byldhouwers gean te hakken yn Carrara, proazisten skriuwe op it ynternet en hawwe tûzen folgers en gjinien dy’t seamelet oft se dizze wrâld wol kenne.

Fers2 nû. 6.1, 16 febrewaris 2020

gateway poetry

image Fers2

Ha! In swat-team stjoere om immen op te pakken foar graffiti: in oerwinning foar de aktivistyske keunst! En noch mear om’t de ‘Penis Man’-tagger foar syn withoefolle syn boetes al 3000 dollar crowd funded krigen hat: we are all Penis Man. Foar it alderearst wûn in net-Ingelsk-prate film de Best Picture, mei meast Asiatyske akteurs, sadat de Oscars de rêch wer rjochtsje kin foar OscarsSoWhite oer.

Fierder barde der net sa’n soad sûnt it lêste Fers2-nûmer. Utsein, dichter Cornelis van der Wal. Dy like it te betreurjen dat er net op ’e tiid oerstapt wie fan syn redaksje nei uzes. Us mem skille my fan nim it mar as komplimint: “De moardner stiet net altyd / mei roazen op de stoep.” Dat wie klearebare Instapoetry.

Fryslân is it iennichste ‘lân’ dêr’t kritisy net nuodlik binne oer it ferskynsel. De oarsaak dêrfan is foar in part dat yn deageande talen/literatueren de krityk der it earst oan giet. Sels as der in Fryske Marjorie Perloff bestiet oppenearret dy har net. Want Ensafh pleatst inkeld it eigen lechsel en de Moanne krijt provinsjestipe foar de gateway poetry-propaganda: as jo de lêzer oerfuorje mei pseudopoëzy begjint er op it lêst echte poëzy te keapjen, lykas dat immen dy’t ferslaafd is oan drop fansels oerstapt op ’e acid.

Wie it mar wier! De Fryske poëzy soe beslist opknappe fan moarns yn ’e kofje in bytsje LSD. Mar ek kaam it tekoart oan noed om’t Fryslân oant de earen yn de boerenstront driuwke. Tafallich siet Fers2 yn de kroech dêr’t de “trekkerlju”, Biltsk foar Farmers Defence Force, swijend troch marsjearren nei it eftersealtsje. En dêr, tusken de kofje en it bier, lieten hja har kenne as Instagrampoëten:

Wij zijn ook

een minderheid.

We nemen de woorden

niet terug. We vinden

het erg als er mensen

gekwetst zijn die

dierbaren zijn verloren. Maar

daar was het niet naar bedoeld.

Sa. Goeie wyn dy hoecht gjin gateway. Oars sein, der is in goeie reden dat de ‘hege’ Fryske poëzy hûnderttûzenen folgers misrint. Dy troppet gjin maksimale betsjutting yn in minimaal tal lettertekens en hat gjin parafinelins, bourgeois sentimintaliteit, simpele en universele observaasjes—mei male gaze—en benammen gjin liedend algoritme berekkene op wat de wrâld it leafst lêst: “daar was het niet naar bedoeld.” In pear jier lyn beseach de dichter Thom Young wat der barde as er koarte, lege, ôfkôge en harsenleaze ‘poëzy’ op Instagram sette. It fers

wait.

levere him tûzenen ‘likes’ op. Yn in jier hie er 46.000 folgers en dy byfal kaam net spesjaal fan minsken dy’t de instagrap wol snapten :)

Fers2 komt tenei sân kear it jier, sa om de seis wiken: mei doarnstikels op ’e drompel en / spot mei de hoop fan de heareboer.