image Fers2

Foaropwurd

Fers2 nû. 5.20, 15 desimber 2019

Dichter-as-kritikus

In skoft lyn, der libben noch fryske Dichters, Mulder, Wind …, en in Kritikus, Zeeman, frege Henk van der Veer oan Eppie Dam: “Is der wol [sic] polemyk yn ’e Fryske poëzij?” “Nee,” sei Dam. “Mar wa soe dy ek fiere moatte?” Eric Hoekstra! Wis, ek al is dy de iennichste polemikus dy’t wy ha, hy is sa polemysk dat er mei twa fingers yn ’e noas syn eigen fijanlik fjoer skriuwe kin. Mar Dam giet fierder: “De dichters sels? Dy kinne har better dwaande hâlde mei it skriuwen fan fersen.”Henk van der Veer, ‘Eppie Dam: ‘Elke dichter is syn eigen streaming’’, de Moanne, 28 april 2003, http://www.demoanne.nl/eppie-dam-dichter-is-syn-eigen-streaming/, krigen 11 desimber 2019. In dichter moast artistyk produktyf wêze. Ien fan ’e alderearste dichters (yn de Westerske literatuer) dy’t sels kritikus waard, Baudelaire, wie dat lang net. Hy wie in twangmjittige nikser, troch tsjinstuit en ûntmoediging fan bûtenôf, te witten syn kurator, skulden, skeel mei útjouwers, (want) inkeld by riten wat literêre op­bringst, minne sûnens en it jamke ferfarren om oan ’e skuldeaskers te ûntsnappen; mar benammen troch himsels: útstellen en loaiens. Dochs feroare er as poète-critique de keunst ûnomkearber.

“I can’t think of any good poets who have avoided thinking and writing about poetry and the issues it brought up”, sei, ek al efkes lyn, de dichter-kritikus Reginald Shepherd.Reginald Shepherd, ‘A few thoughts on poetry and criticism’, Poetry Foundation, 8 augustus 2008, www.poetryfoundation.org/harriet/2008/08/a-few-thoughts-on-poetry-and-criticism, krigen 11 desimber 2019. In ferneamde dichter hie opmurken dat in dichter en in kritikus ferlet ha fan oare kapasiteiten, net deselde. Net wier, tocht Shepherd. De dichter moast op syn minst in bytsje fan de kritikusbekwamens ha—dat is nijsgjirrich: net oarsom. Shepherd woe fan jongs ôf dichter-kritikus wurde, net om syn tiid te fergriemen mei frivoale oardielen, mar

Ferfolch

Diskursive krityske geast

image fers2

Yn bewegerskriten, dêr’t it diskoers smel, twingend en statysk is, mei in kontinue stream fan hieltyd opnij sitearre en werbrûkte ynstruktive, sjoernalistike en ferdivedaasjeteksten oer literêre (en fisuele en poadium-) keunst, wylst keunst yn werklikens net bestiet, om’t ‘yntrinsike wearde’ mear eat is dat jo sizze yn it sollisitaasjepetear,

wylst ek in minimaal winsklik yntellektueel libben hast folslein ôfwêzich is, lykas yn ’e grize stêd dêr’t jo net bedarje wolle, dêr’t in meireizger yn ’e bus jo fertelt fan “They’ve got cinemas and fish and chip shops and advertisements and all the sorts of things they want”, útsein dus libben en elke stap oer it gers docht har aaklik sear oan ’e fuotsoalen, dêr dus,

dêr: is in tsjinstream fan krityske, ûnôfhinklike artikels driuwend needsaaklik en boppedat needsaaklik binnen de literêre keunst. Fansels net fan in sydplatfoarm ôf. Want it kritysk petear moat binnen de literatuer fierd wurde om te resonearjen. Net dernei(st).

Dus: wol Fers2 jo fersen, ferhalen en oare fiksje ferspriede, mar fral: jo artikels oer hoe’t literêre keunst werjûn en behannele wurdt; modernisme, postmodernisme; spoken word-subsjenres, media, film en kommunikaasje; folksskriuwerij en elitebelletry; de polityk fan produksje en konsumpsje; technology, benammen dy fan ’e ideologyske steatsapparaten; etyk en religy; langstme, dea en psychoanalyse;

keunst en estetyk; seks en selebaat; de kultueryndustry; akademisy en de Akademy; stêd, lân, arsjitektuer en romtlikens; Brexit en mondiaal kapitalisme; Marxisme, wearde, ideology en ferlerne idealen (ja desyllúzje mei ek Elmar); definsje, wapens en oarloch; macht, gesach en ynstituten; wrâldbestjoer, ien lyts doarpke dat dapper wjerstie en demokrasy; politike partijen en sosjale bewegingen;

minskerjochten; mienskip en kosmopolitisme; transnasjonaal aktivisme en feroaring; de mondiale iepenbiere sfear; ús liif; it klimaat; identiteit en performance; hetero-, lesbyske, gay, bi- en transseksualiteiten; swart, wyt en mjukst-ras, etnisiteit en ûntwoarteling; sosjaalekonomyske ûngelikens lokaal en mondiaal; patriargy, feminisme, gender; postkolonialisme; polityk aktivisme en fansels: literêr ferset!

Moaie dagen. Tink om jo fingers. Oant takom jier.

om’t in goeie skriuwer in goeie lêzer nimt: ien dy’t entûsjast in oar syn wurk útslachtet. Dat der op it ynternet sa’n floed fan diskusjes oer poëzy giet—en oer ‘the poet as critic’—bewiist al, sei er, de potinsjele ferriking fan rie hâlden foar de poëzy.

Dêrfoaroer liedt deselde ûnkrityske bewegershâlding dy’t de Fryske poëzy swak, saai, hol, ûnbenullich, fergees en machtleas makket, der ek ta dat nimmen de slopte en ynhâldleazens ea bekritisearret. Yn Fryslân is hielendal gjin debat oer de dichter-as-kritikus. Fryslân hat gjin Pierre Baylepriis en Fers2 hat net in kritykpriis ynsteld want dan moasten wy him jier nei jier oan Fers2 útrikke. Dam lei Van der Veer út dat “yn it ferline” hysels wol nocht hie oan it besprekken fan poëzy, “net allinnich om oer it wurk fan kollegadichters gear, mar ek en foaral om oardieljendewei helder te krijen wêr’t it my yn ’e poëzij om giet.”Henk van der Veer, ‘Eppie Dam: ‘Elke dichter is syn eigen streaming’’, de Moanne, 28 april 2003, http://www.demoanne.nl/eppie-dam-dichter-is-syn-eigen-streaming/, krigen 11 desimber 2019. Wêr’t it him om giet is in disclaimer dy’t Baudelaire net yn ’e holle helje soe. Oan Baudelaire syn persoanlike smaak of muzen hiene de poètes maudits ûnder syn hoede neat. Wat op it aljemint komme moast wie wêr’t poëzy om giet—en krekt dat is krityk.

Baudelaire ferdigene him tsjin likernôch deselde arguminten dy’t no noch yn omrin binne om koarte gongen te gean mei poëzykrityk. De kritikus kin de brave boargers dochs neat leare, want dy wolle gjin fersen meitsje, en de keunst ek neat, want krityk komt fuort út keunst. It is ienfâldiger om kritikus te wêzen as keunstner. Mislearje jo as keunstner, kinne jo jo altyd kritikus wurde en jo oergeunst útwierje yn jo skôgingen. In net-lilkaardige systematyske, objektive krityske analyse, hûndert jier nei Baudelaire syn salons gearrûn ta New Criticism, dy’t it romantyske en subjektive oanwizen fan Skjintmes, deugden en gefoel ferfange moast, lit wer inkeld sjen dat de kritikus it wêzen fan poëzy net snapt—al hielendal yn antyskoalske Fryslân.

“De poëzij is my te ûngrypber, se is ek foar mear útlis fetber; hat in autonome funksje,” sei Durk van der Ploeg. De resultaten fan de close reading-metoade makken op him in “groteske yndruk” en it liket “dêrom by de poëzijkrityk allinne mar winsklik, om ta grutte totalen te kommen.” Oars sein, de krityk mei de paden wize as in GPS: “sûnder dat dy wegen fan de kritikus bebuorde wurde.”Durk van der Ploeg, ‘Groei nei de folwoechsenens’, De Tsjerne 21 (1966) 190-196, 190. Adri van Hijum makket Willem Abma út foar ‘De kritikus in charlatan’ om dy syn “djiptepsychologysk hifkjen fan poëzij”. Dat is noch slimmer as close reading: “Sein moat wurde dat dizze wize fan hifkjen kennelik liedt nei fiergeande konklúzjes. Der wurdt noch krekt net konkludearre dat de dichter yn de gaten hâlden wurde moat om’t er gefaar opleverje kin foar lytse bern.”A. van Hijum, ‘De kritikus in charlatan’ , Trotwaer 9 (1977) 75-77, 76. Harmen Wind wol just ha dat de Fryske poëzykrityk lang net normatyf genôch is. It missen fan erkende Fryske literêre noarmen en it tekoart oan beropslêzers, sadat it poëzybesprekken oan lju oerlitten wurdt “dy’t it der mar sa’n bytsje bydogge”, liedt ta subjektyf en partidich skôgjen fan bondels. Dêrtroch reitsje besprekkers har gesach kwyt en skriuwers har beoardielingsramt. “Op ’en doer komt dêr ferfal út fuort,” warskôget er.Henk van der Veer, ‘ ‘In prachtich gedicht leveret altyd nije ferrassings op’ ’, de Moanne, 18 desimber 2003, www.demoanne.nl/in-prachtich-gedicht-leveret-altyd-nije-ferrassings-op/, krigen 12 desimber 2019. It kin hast net oars of de besprekkers dy’t ‘it der by’ diene wiene oare dichters: dichter-kritisy.

Wat de profesjonalisearring fan de poëzykrityk oanbelanget is it oars rûn. Om de Fryske dichter hoecht krityk, yn de sin fan fûleindige iver lykas hoe’t dichter-kritikus Randall Jarrell syn dichter Robert Lowell yn ’e nekke hime, net. Want as jo hjoeddedei eat skriuwe foar útjouwerij Afûk, de Fryske steatsútjouwerij, komme jo yn ’e hânboeken en dêrmei binne jo opnommen yn ’e kanon en op in stuit winne jo dan ek wol in priis. Om Fryslân hoecht poëzykrityk likemin. Yn de ynstitúsjonalisearre Fryske literatuer leit de klam op sa’n lege poëzydrompel dat sels de balstjurrichste rollator deroer­hinne rûtst. Foar tagonklikens wurdt oarspronklikens gewoanlik priisjûn en om’t dat in beskiedende eigenskip fan literatuer is, soe in kritikus dêr wat fan sizze as der in kritikus wie. Mar it punt is: de demokratisearring fan ‘keunst’ hat sa’n breed skala oan smaken skoepen en ferspraat, en oan tinkbylden oer wat moai is, dat jo it Olympyske dictum fan der binne mar ‘twa soarten muzyk, goed en min’ foarearst ferjitte meie.

Negative krityk—want keunstkrityk is it besprekken en hifkjen fan in keunstwurk, faak yn it ljocht fan in beskate estetyske opfetting, it is dus net needsaaklikerwize ôfwizend—leit dan oan ’e kritikus, syn smaak of har min sin. It is sinsleas om te freegjen wat in goed gedicht is, sizze se. Jo ynderlike gefoel út jo skjintme­bewustwêzen wei is dochs net rasjoneel út te drukken. Ek is it ûnnedich om jin ôf te freegjen wat ‘goed’ eins is, om’t jo foar in goed fers allinne mar in wurdearre dichter mei moai wurk nei hoege te dwaan. Mar hast gjinien seit—tsjin my as kritikus—dat goed en min net bestiet. It yndielen fan ús ûnderfiningen yn goed, dêr’t wy mei trochgean wolle, en min, dat wy út de wei gean wolle, is sa’n elemintêr minsklik oardieljen dat ‘goed’ in klear tinkbyld is; allinne makket de manier dat wy ‘goed’ brûke it ûndúdlik.John H. Mueller, ‘Musical taste and how it is formed’, yn John Shepherd en Kyle Devine (red.), The Routledge reader on the sociology of music (New York / Londen 2015) 49-56, 53-55.

Ynstruminteel brûkt is eat ‘goed’ foar wat oars, lykas dat it “tige nedich is dat wy de brûksumens fan ús taal foar alle soarten fan poëzij bewize” en “de taal is flink Frysk.”D. Kalma, ‘Taheakke’, yn Ljocht en skaed: In mennich biskôgings (Snits 1916) g.s. Oarsom is ‘goed’ in doel yn himsels as ik persoanlik genietsje fan Tupac, likefolle wat myn snobistyske buorlju derfan tinke, mar ik tagelyk, want ek dat is djipminsklik, myn foarkar feralgemienje en ta in dogma meitsje dat ik alle oaren oplis. Sa sei ien yn in poëzydiskusje: yn poëzy is goed en min gewoan jo eigen sin, útsein as it Rupy Kaur is want dan is it min. Fierder is ‘goed’ kreas oanpast oan ’e sosjale noarm as jo ‘witte dat Tsjêbbe Hettinga goed is mar jo hâlde der net fan’, of, mei swierdere sosjale sanksjes, is ‘goed’ in objektive Wierhied, Goedheid en Skjintme, dy’t ús yntuïtyf of besiele meidield wurdt troch de romantyske pryster-dichter—ek al wol dy net as in poëzykritikus agearje. Douwe Kalma hie sein, yn ’16 al, “dat as Jy foart farre”, J.J. Hof, “ik ferplichte wêze sil, net langer as kritikus (…) mar as lieder fan ’e jonge beweging (…) op te kommen.” Hof tocht dat neat him út ’e rol fan kritikus twong, dat er sels yn dy fan bewegings­lieder stapt wie, want syn oanfal “slacht allinne op ’e wize wêrop ik de dingen sein haw, hjir en dêr; net op ’e saaklike ynhâld fan myn krityk.”D. Kalma, ‘Taheakke’, yn Ljocht en skaed: In mennich biskôgings (Snits 1916) g.s. Dat wie it ein fan ’e Fryske poëzypolemyk.

It ferskil tusken de rollen is de mooglikheid ta etyske krityk. Dy kin yn keunst net om’t keunst net etysk is. “There is no such thing as a moral in an immoral book. Books are well written or badly written. That is all,” seit it literatuerkrityske foaropwurd fan The picture of Dorian Gray. De keunst om de keunst sels dy’t Wilde ferdigene kaam hjir letter, lyktidich mei de (jong-)Fryske beweging, in losse frij­willigersorganisaasje foar kulturele autonomie, om de Fryske taal en kultuer te bewâldzjen. Mar de autonomybewegingen kamen foar hiel wat oars. It wiene streamingen yn ’e literêre krityk dy’t derop hammeren dat in literêr wurk autonoom wie. Dat estetisisme en autonomisme wie net de útkomst fan kulturele polemyk; oars as Kalma koene se it ûnderbouwe mei solide arguminten, lykas dat keale orkestmuzyk en abstrakte dekoraasjes ek gjin etysk stânpunt preekje en dochs keunst binne. Se tochten net dat poëzy skaaide út plak, tiid of ras en likemin dat taal fuortkaam, sa’t Herder sei yn 1772 en Kalma noch jimmer leaude yn 1916, út de heech­metafoaryske poëzy fan it folk. Se woene in ûnôfhinklike standert foar poëzy.

As keunst autonoom is, hifkje jo keunst qua keunst, mei standerts dy’t (yn in beskaat tiidrek) jilde foar alle keunst. Dy standert kin lizze yn in ‘suver’ sentiminteel belibjen—Rixtpoëzy mei de Candlelightmjitlatte—of just in neurale optelsom fan foarm­aspekten—Ensafhpoëzy mei tin siedde klaustrofobysk smelle rigelkes—of in mjuks. Mar hoe dan ek is de standert nea los fan sosjale ôfspraken. De ‘goeie smaak’ dy’t de ‘goeie’ poëzy as sosjale noarm en foarbyld goedkart, is nea ‘suver’. Myn spontane wille likegoed as jo objektive foarmbetingsten binne altyd ynlústere troch moade, prestiizje en technysk sjeny dat fan de lieders ôf nei ûnderen siperet. Kalma siet dêr blinder net foar neat. Fedde Schurer ferklearre de keunst frij én rjochte in poartwachtertydskrift op dêr’t gjin debutant by lâns koe. De nije generaasje dichters fûn dat debyl, fertelt Antsje Swart. Dochs stelde Trinus Riemersma op in stuit út dat Eeltsje Hettinga him opsmiet as de nije Fryske kultuerlieder: om ’e sakralisearring fan de elitesmaak.

Want de elite nimt de beslissing oer goed en min en it helpt, sa’t Wind seit, as har paladinen gesach ha en de kultuerideology de smaak ‘erkent’. Wat mear dichters har oan ’e ûnderstipe noarm hâlde, wat fêster dy is en dat in goed fers ‘himsels bewiist’, dus gjin poëzykrityk nedich hat, is essinsjalistyske flauwekul: as in fers tiids tosk oerlibbet komt dat deagewoan om’t it noch foarhannen wie troch psychologyske en materiële—stiet yn in hânboek—en oare faktoaren en oerienstimt mei de kulturele wearden en dus it stimpel ‘goed’ krijt. Krekt as lju har massaler net oan ’e noarm hâlde kin de fraach wat goed is wer boppekomme, sûnder dat dy dalik weromdrukt wurdt nei ‘stiet yn ’t hânboek’.

Wat minne poëzy is stiet ek yn antologyen. De alderbêste, The stuffed owl, giet foarby oan it minne Minne Fers fan ûnder oare de “hearty but ill-equipped patriot” en rjochtet him op it goede Minne Fers. Dat “is innocent of faults of craftsmanship.” Goed is fealleaze sinsbou, floeiend metrum en in faak fenomenale linigens mei wurden. Min “of course is bathos, that suddden slip and swoop and slither as down a well-buttered slide, from the peaks into the abyss.” Min is boppedat banaliteit, likegoed as “style pompier”, bombastys­ke taal, in deadlike earnst fan de dichter en stront yn ’e earen.D.B. Wyndham Lewis en Charles Lee, The stuffed owl: An anthology of bad verse [1930] (New York 1962) vii-xx. Mar dy kritearia skowe de fraach inkeld op. Hoe ûnderskiede jo, lykas de Stuffed owl-gearstallers diene, poëtyske grammatika en ritmes fan kromme, in knûkelfrije wurdkar fan in komyske, in tekoart oan blomrykheid fan tefolle, en kitsch fan knap? Oars sein, hoe hâlde jo goede en minne poëzy utinoar? Dat blykt simpel: lês poëzy, mei it reade poatlead troch fersen hinne, skriuw op wat jo tinke dat ‘moai’ is en wêrom, en lês oer poëzy, mei itselde poatlead, krús oan wat jo tinke dat snijt hout en wat net.

Dat is, seit dichter-kritikus T.S. Eliot, om’t poëzy, al hat it út soarte ferlet fan ynspiraasje, net sûnder organisaasje kin en idealiter is dy organisaasje fan in heech rasjoneel nivo.T.S. Eliot, The use of poetry and the use of criticism [1933] (Londen 1964) 146. Nee, mar dat is net de bedoeling. De Fryske bewegers wolle poëzy as emosjonele mega­spektakels. Tsientûzen man op ’e flier meie gûle & flaufalle foar har ikoan-út-it-hânboek heech op it poadium. En leaver offerje se it bytsje nuânse fan de Fryske poëzy op it alter fan de blockbuster, as dat se ferfining neistribje fia it yntellekt. Kwantitative spektakels kinne, sûnder oanwiisber wurkjend meganisme, gjin effekt hawwe op literêre kwaliteit. Eksklusive master classes fan dichter Elmar Kuiper soene de Fryske literatuer wol fertuten dwaan, mar ynklusyf is it biedwurd en it docht der net ta: it giet ommers net om kwaliteit mar om literêre identiteit. “Identity politics is boring,” sei Reginald Shepherd, “giving back the already known in an endless and endlessly self-rightious confirmation of things as they are.”Reginald Shepherd, Orpheus in the Bronx: Essays on identity, politics, and the freedom of poetry (Ann Arbor 2008) 42.

Dêr leit yn poëzy/krityk dan ek krekt it obstakel: neat is fêst. Ek de close reading dy’t net obskuer is, gjin drege teory easket en troch dichters sels tapast wurde koe sloech hjir net oan. Noch altyd kamen se ta ferskillende útkomsten. Foelen se út de toan, dan wie der wat mei har smaak. Ergo, se lichten de boel op, út eigenbelang, “an acting out of parti pris,” beslút dichter-kritikus Adam Kirsch, “Thus his plight: taking sides, the poet-critic can’t be trusted. He speaks for no one, except himself.”Carmine Starnino, ‘The plight of the poet-critic: The ins and outs of Adam Kirsch’, Poetry Foundation, 24 april 2008, www.poetryfoundation.org/poetrymagazine/articles/69035/the-plight-of-the-poet-critic, krigen 12 desimber 2019. Mar in kritikus kin beswierlik opskriuwe wat in oar tinkt: hy hat dochs sels in útropteken yn ’e kantline set as er it einepikefel opkrûpen fielde, en om foar de hân lizzende redenen net earst by oar yn ’e boksen sjoen. “[P]our être juste, c’est-à-dire pour avoir sa raison d’être, la critique doit être partiale, passionnée, politique, c’est-à-dire faite à un point de vue exclusif, mais au point de vue qui ouvre le plus d’horizons,” seit Baudelaire yn ‘À quoi bon la critique ?’Charles Baudelaire, ‘Salon de 1846’, yn idem, Œuvres complètes de Charles Baudelaire, II. Curiosités esthétiques (Parys 1868) 77-198, 82.

Iepenjen is in metafoar dy’t faker brûkt wurdt foar de kritikus—nuver genôch! Want it ferbyldet de kritikus krekt net as sekondêr, as de mislearre keunstner dy’t útlizzerich efter de keunst oan draaft: wa’t iepenet skroeft sels it lid fan ’e krúk en de geast ûntsnapt. Eppie Dam, bygelyks, hat dat dien. It gie yn ien siken wei mei dichtsjen. Want in kritikus hannelet mei eksakt deselde driuw as de keunstner: út passy, yn frijheid en om skjintme jout er stal oan tinkbylden, dramatisearret er syn ferhaal, grypt er it publyk by de strôt en sûnder him wat oan te lûken fan dogma’s en hânboeken makket er safolle mooglik leven. Sa útwrydsk wie de dichter-as kritikus dus net. Hoewol’t elke vlogger him hjoed kritikus neamt is kritisearjen in alledeiske dissipline, in stelselmjittich organisearre hanneljen, lykas dichtsjen yndie; mar in dissipline dy’t wrâldwiid beknypt rekke is tusken Academia mei ymposante teoryen dy’t de natuerlike bewiiskrêft fan kritiken fan de eardere dichter-kritikus oan ’e kant skowe, en Amazon mei de macht fan it digitaal besprek­ken, fan in ladyshave oant toeristyske reiskes en, tsja, poëzy.

Mar yn Fryslân wie de kritikus al smoard. Want poëzy is in ornamint fan identiteit en smaak is eat dat se sintraal regelje en fan hegerhân erkenne as fêst en natuerlik en Frysk. Uteinlik waard it paad dat de kritikus wiist sa smel en oerbefolke mei syn foargongers dy’t krekt itselde tinke oer goed en min dat der mar ien stikje hermetysk kanonisearre horizon oerbleau—rin feilich yn ’t fuotspoar, dan fine jo it fansels wol. In iepen geast hat gjin plak yn de Fryske poëzy, net foar foar de kritikus, noch foar de dichter.

Noaten

  1. Henk van der Veer, ‘Eppie Dam: ‘Elke dichter is syn eigen streaming’’, de Moanne, 28 april 2003, http://www.demoanne.nl/eppie-dam-dichter-is-syn-eigen-streaming/, krigen 11 desimber 2019.
  2. Reginald Shepherd, ‘A few thoughts on poetry and criticism’, Poetry Foundation, 8 augustus 2008, www.poetryfoundation.org/harriet/2008/08/a-few-thoughts-on-poetry-and-criticism, krigen 11 desimber 2019.
  3. Henk van der Veer, ‘Eppie Dam: ‘Elke dichter is syn eigen streaming’’, de Moanne, 28 april 2003, http://www.demoanne.nl/eppie-dam-dichter-is-syn-eigen-streaming/, krigen 11 desimber 2019.
  4. Durk van der Ploeg, ‘Groei nei de folwoechsenens’, De Tsjerne 21 (1966) 190-196, 190.
  5. A. van Hijum, ‘De kritikus in charlatan’ , Trotwaer 9 (1977) 75-77, 76.
  6. Henk van der Veer, ‘ ‘In prachtich gedicht leveret altyd nije ferrassings op’ ’, de Moanne, 18 desimber 2003, www.demoanne.nl/in-prachtich-gedicht-leveret-altyd-nije-ferrassings-op/, krigen 12 desimber 2019.
  7. John H. Mueller, ‘Musical taste and how it is formed’, yn John Shepherd en Kyle Devine (red.), The Routledge reader on the sociology of music (New York / Londen 2015) 49-56, 53-55.
  8. D. Kalma, ‘Taheakke’, yn Ljocht en skaed: In mennich biskôgings (Snits 1916) g.s.
  9. D. Kalma, ‘Taheakke’, yn Ljocht en skaed: In mennich biskôgings (Snits 1916) g.s.
  10. D.B. Wyndham Lewis en Charles Lee, The stuffed owl: An anthology of bad verse [1930] (New York 1962) vii-xx.
  11. T.S. Eliot, The use of poetry and the use of criticism [1933] (Londen 1964) 146.
  12. Reginald Shepherd, Orpheus in the Bronx: Essays on identity, politics, and the freedom of poetry (Ann Arbor 2008) 42.
  13. Carmine Starnino, ‘The plight of the poet-critic: The ins and outs of Adam Kirsch’, Poetry Foundation, 24 april 2008, www.poetryfoundation.org/poetrymagazine/articles/69035/the-plight-of-the-poet-critic, krigen 12 desimber 2019.
  14. Charles Baudelaire, ‘Salon de 1846’, yn idem, Œuvres complètes de Charles Baudelaire, II. Curiosités esthétiques (Parys 1868) 77-198, 82.

Foaropwurd

Fers2 nû. 5.19, 1 desimber 2019

Kontrakulturele taalpuritein

image Fers2

Fama, de rabberij yn gouden simmerjurk, lit har echt net keare troch in gammele ôfslútdyk of in min spoar. Wy wisten it yn Amster­dam al. “Aggie is útskreaun,” sei ik tsjin Arjen Hut, want it is—yn A’dam—hip en seksy om úteinlik útskreaun te wêzen. Hut fertelde oer Aggie van der Meer har lêste wurk en oer de fysike behinderingen by it skriuwen, ien each, ien hân. Yn ’e tiid dat ik mei myn hân siet wie de stimwerkenningsoftware al bjusterbaarlik goed, mar inkeld beskikber yn it nederlânsk, net yn it frysk. Us heit wie de iennichste dy’t in fryske stimwerkenner meitsje koe, want hy prate de taal geef, sei ik tsjin in kollega en in dei letter wie ús heit der net mear. Ek hoecht fryske stimwerkenning no net langer, want gjin hûn praat noch geef genôch frysk, dat de software it begripe kin, mar Hut prate noflik troch myn pessimistyske prakkesaasjes hinne. It wie krekt letter dat ik it boek yn hannen hie: Van der Meer hat dêryn it geef frysk ferlitten en skriuwt—yndie—eat dat gjin stimwerkenner snappe koe.

It aparte is lykwols net Van der Meer har move. Sy is net sa feroare. Se fytste gewoanlik al sa’n soad Nederlânsk yn har fryske teksten, wat se foar de redakteur fûl ferdigene as har artistike frijheid, “sa sis ík dat altyd”, dat jo allinne de alderbrykste frasen in bytsje behoffenen. It aparte is dit. As jo wat sizze fan it omropfrys­lânfrysk, dat it hieltyd mear de standert wurdt, mei de farske Gysbertwinner Van der Meer as nije mjitstêf/rjochtline, dan telle jo no as taalpuritein as in kontrakulturelenien.

Earder skikten jo jo as taalpuritein, immen dy’t it frysk Frysk hâlde woe, by de taalstriders dy’t de Fryske hurde kearn útmakken. Jo wiene mordikus tsjin op it homeopatysk ferleskjen fan it frysk mei fansels nederlânsk en no ek ingelsk. Jo skrillen net tebek foar de tige fertochte komôf fan jo purisme, de Fichtiaanske taalsuverens­ideology dy’t it fûnemint lei ûnder it Germaanske Blut/Boden-suverjen. Koarts, woene jo it frysk sa litte, wiene jo wolkom by de Ried fan de Fryske Beweging en slimmer. Mar kleie jo hjoed oer it ferhollânskingsbelied fan de fryske taal, dan wurkje jo tsjin, dan binne jo gjin oprjochte sljochte Fries. [sljocht = plat, as yn: makliker oerhinne te wâdzjen troch ús folksfertsjintwurdigers.]

Alhoewol’t it op it earste gesicht bizar liket, unyk en nij is it belied fan taalassimilaasje net. Troch de tiden hinne oanfurdigen folken de opleine taal fan har politike lieders en oerwinners. Wol holden minsken tagelyk hieltyd bannen mei har regionale en lokale talen, al foelen dy bûten de offisjele sfear. Ek is der altyd ûnder inoar útliend tusken talen en taalfamyljes. Tagelyk late fan ’e njoggentjinde ieu ôf nasjonale identiteit of politike trou ta it oanfurdigjen fan ien inkelde taal as de iennichste drager fan it petear tusken alle minsken. Oft dat nasjonalistysk projekt no slagge of net en likefolle hokker taal oft minsken thús yn ’e keuken praten, dy ienheidstaal waard de krêftichste oandriuwer en symboal fan nasjonalisme. [nasjonalisme = trou en tawijing oan immen syn eigen lân op grûn fan it tinken dat jo lân better is, mei agresje nei oare lannen, as yn: Fryslân boppe en de rest yn ’e groppe.]

Taal is dus net samar in ûnskuldich fuortbringsel fan keppelbisten har sosjaal hâlden. In skriuwer oer de eangst foar ymmigranten en Brexit skriuwt: “This hard-headed association of language with national identity was at the core of an extreme version of nationalism that led Europe to two world wars.”Mario Saraceni, ‘Back to the 19th century: how language is being used to mark national borders’, The Conversation, 4 oktober 2016, theconversation.com/back-to-the-19th-century-how-language-is-being-used-to-mark-national-borders-66357, krigen 22 novimber 2019. Taal qua folksidentiteit hat altyd in mislike hekel hân oan multykulturalisme. Dat is yn essinsje wêrom’t Dichter op de Deel, Dien de Boer, wol Fryske dichters by har útnoegje koe om op har poadium foar te lêzen, mar nea werom útnoege wurde kin: hja praat hollânsk. Har meidwaan bringt de ienheidstaal yn gefaar. Nei in jier lang seuren mocht De Boer har wol oanslute by it dichterskollektyf Rixt. Mar Rixt hie in praktysk obstakel neist antymultykulturalisme. As Rixt hollânsk derby docht stiet allinne oerheidsstipe út it sosjale kohesypotsje iepen, net mear út it fryske taalpotsje.

Yn dat lêste sit fluch ferskowing. Want Rixt groeit nei De Boer ta: dei nei dei is it frysk minder te ûnderskieden fan it nederlânsk. Dat komt net troch de kontinue en stadige, natuerlike, organyske en grassroots taalferskowing dêr’t alle libbene talen—mar de deade net—oan bleatsteld binne. It komt om’t de Fryske polityk & bestjoer­ders de stjerrende fryske taal doelberet op de rinnendebân oer de Bûterhoeke forsearre ha, dêr’t de drege fryske wurden en grammatika mei in needgong ferfongen wurde troch maklike nederlânske.

Foar alle dúdlikens, it giet hjir oer formele taal (dy’t de tradisjonele maatskiplike rollen & de hiërargyske sosjale struktuer wjerspegelet en dêrom, sa’t poststrukturalistyske (post)marxisten oanwize, foarbeskate patroanen fan kommunikatyf hâlden fereasket; formele taal is by útstek hegemony): it giet oer ûnderwiis en iepen­biere ynfo, net oer keunst. Want moat ik as keunstner myn artistike wurk sa formulearje dat it foar elkenien begryplik is en moat ik nijfoarmingen, lykas op it medysk mêd dêr’t it frysk grutte hiaten ken, sa kieze dat it Fryske folk dy hapklear oernimme kin? Unsin. In artistike skepping hat ferlet fan krekt dat spontane elemint dat de hiele foarm en ynhâld ûnderstipet en, om mei Redbull te reden, wjukken jout. Oernimmen troch it folk is by in artistyk beslút gjin faktor. As dat oernimmen wol beskiedend wêze soe, koene jo better it nederlânske ekwifalint brûke: dat is dus ek krekt wat der no bart! It Fryske kultuerbelied erkent hielendal gjin talige keunst. [keunst = de frijheid om kulturele uteringen te betinken, meitsjen en fersprieden sûnder politike bemuoiïng, oerheidssensuer en druk fan net-steatspartijen.] Wêrom soene se. In oar ding is dat it Fryske folk leard hat om passyf ôf te wachtsjen wat him fan hegerhân troch de strôt treaun wurdt.

Wer in oar mar besibbe ding is de ûnmooglike misje dêr’t it nasjo­nalisme it nasjonalistysk liederskip mei belêste. Foar de foarming fan naasjesteaten moast de taal as it fûnemintele teken sjoen wurde fan de identiteit en it territoarium fan dy naasjes. Logyskerwize moasten lieders sjen litte dat de taal fan har naasje al in ivichheid bestie mei al syn werkenbere en ûnderskieden eigenskippen fan taalregels, wurden en lûden. Dat wie fier fan de wierheid. It is sels absolút ûnmooglik by libbene taal. Want talen binne beweechlik ynstee fan fêst, yn kontinue feroaring en hiel fetber foar ferminging mei oare talen. In fraach út de histoaryske fryske taal­wittenskip, dy’t âldheechlearaar Philippus Breuker lêstlyn foarlei, is wêrom’t de ea ynternasjonaal aktive fryske taalkunde de lêste desennia krompen is ta in hoekje Fryske Akademy. Myn hypotese is: har ideologysk postulaat doogde net. Se moasten tajaan dat se eat ûndersochten dat net sasear net bestie, as dat it net iens bestean koe: ús stokâlde suverfryske taal.

Mar twahûndert jier lyn—yn Fryslân hûndert—gie it fantasearjen fan folk- en territoarbûne taalskiednissen dat it slydjage. In jonge Fryske romantikus tocht wurden en taalregels op, oer te nimmen troch it folk, dy’t sa oars mooglik wiene as it hollânsk, lykas de meartalútgong -s foar wurden einjend op -ing. [ferhollânsking -s = kultuerhomogenisearjen (pejoratyf), as yn: ‘{tracht} deze grijze dochter der Germaansche oudheid nog enigen tijd het verder doorglippen te beletten.’Sitaat fan etymolooch Joast Halbertsma dy’t taalferskynsels seach as ferbûn mei ien beskaat folk, yn Philippus Breuker, ‘Mytysk tinkende Joast Halbertsma’, Philologia Frisica 1091 (2015) 64-79, 64, 66.] Dat is lang net histoarysk, sa’t elkenien sjocht no’t Google en de grutte Amerikaanske universiteiten âldere fryske teksten online beskikber makke hawwe. Mar it efterhelle njoggentjinde-ieuske tinken oer taal as eat mei in natuerlike kontinuï­teit, in allyksa natuerlike bân mei in folk en dêrom eat dat folken natuerlikerwize nei binnen ta ferbynt en nei bûten ta ôfbeakenet, hat ús net mear ferlitten. Wy miene dat wy in skriuwer út Grins werkenne kinne, mear as alle oare tekens troch syn taal, om krekt te wêzen syn taalflaters.

Yn de nacht foarôfgeande oan de Sinterklaasyntocht yn Ljouwert is dit affisje ferspraat yn de Prinsetún yn Ljouwert. De Sint sels mei in Hitlersnorke. En in heakkekrús op syn miter. Dan de taal: beide kearen it wurd ús sûnder skerpteken. Ek de wize hoe’t ‘de blokkearpiten’ werjûn wurdt, ferriedt de net-Frysktalige eftergrûn fan de betinker fan dit skandalige makwurk. Dan is der ek noch it wurd ‘wyt’. Dat ferriedt dúdlik in eftergrûn fan minsken, dy’t it begryp ‘blank’ dêrtroch ferfange wolle. En dat docht hiel sterk tinken oan de rûnte fan KOZP-oanhingers.

It doch my ek tinken oan dy KOZP’er út Grins.Kerst Huisman, g.t, Facebook (Group Fryslân en de Fryske taal), www.facebook.com/groups/152985924776502/3258937380847992/, 16 novimber 2019, krigen 16 novimber 2019.

Dêr ha jo op Facebook in folbloed Ljouwerter yn ’e kraach fette! Want yn algemien doarpsfrysk is it ‘foarôfgeand’ sûnder -e op ’t ein, útsein as it in saakwurd is (‘it foarôfgeande’) en it is ‘affysje’ dat rymt op plysje, mar plakkaat mei ek. It algemien doarpsfrysk set gjin lêstekens op haadletters en brûkt foar it tsjinstelde fan swart wiswol ‘wyt’. Ek is ‘makwurk’ in woansdei hakbaldeiwurd dat sa ûnfrysk is dat it ûnderskriuwen mei ‘de blokkeerpieten’ der hast as doarps­fryske taalgloarje tsjin útkomt. Dochs ferklearret de provinsje dat se wiis binne mei it sosjalemediafrysk. Mar it kin net oars of se klopje harsels op ’t boarst om it bestean derfan, net om ’e kwaliteit fan sosjalemediafrysk. Dat kin har net skele en se witte fan neat: provinsjelju lêze faak gjin frysk en prate it sels net want foar amtners noch politisy is it behearskjen fan it Frysk in funksjeeask.

Dat is planút skandalich: yn erkende twatalige gebieten oan yn Sina en Súd-Amearika ta, dêr’t mearderheidskultueren dochs flink repressyf wêze kinne, ferwachtsje se fan oerheidspersoniel dat dat twatalich is. Ek skandalich is dat der gjin frysk te hearren is op it Fryske festival Explore the North, sa’t âld-Dichter fan Fryslân Eeltsje Hettinga no krekt sinjalearre en dichter Cornelis van der Wal al yn 2011. Se rjochtsje har op in hollânskpratend publyk sei VdWal. Wierskynlik is der no, acht jier sûnder ûnderwiis Frysk letter, noch minder publyk dat frysk begrypt, al hoecht dat foar festivals likemin as foar oerheidsfunksjes op in heechliterêr nivo. Wat dat oangiet is it alarmearjend dat der relatyf in bytsje Letterefûnsstipe nei frysktalige projekten giet. De Frysk Nasjonale Partij soe ferhaal helje, mar dêr ha wy neat mear fan heard. It wie al bekend dat te min Fryske skriuwers stipe oanfreegje, it Fûns kin it net jaan as it net oanfrege is. Der binne mar in lyts bytsje literêre fryskskriuwers mear.

Hoe’t dêrom de ôfklaaide frysktalige literatuer de fryske taal rêde moat is in riedsel. Hat jim deputearre fan Kultuer bewiis dat dat kin, taal rêde mei literatuer? frege dichter De Boer. Eh nee. Us deputearre wurdt wei yn jurkjes, net yn bewizen. Feriene Naasjes kultuerklup Unesco begûn mei taalerfskip fêst te lizzen fan taalmien­skippen dy’t aanst net mear bestean. Polityk en kultuernasjonalis­tyske minderheden dogge dêr ferbjusterjend maklik oan mei want dy fiele har erkend. Dat oerheden wrâldwiid lizze no op websiden fersen fêst yn nei de lêste siken gapjende talen, ferromme dat it knikje multykulturalisme dêr’t se minskerjochtlik of wetlik net ûnderút kinne sa goedkeap wêze kin as it niisneamde dichterskollektyf Rixt. Ek in tillefoanapp sil gjin taal rêde, mar rimelje en jeppe leit polityk minder gefoelich as goed ûnderwiis yn in folkstaal dy’t de bestjoerders net ferstean kinne. De fraach is, andere ik, oft jo in deageande taal überhaupt rêde kinne—stel dat jo dat woene.

Der moat ferlet en goeie redenen wêze foar taalbelied of, yn jargon, taalplenning. Taalkonkurrinsje is sine qua non en it ûnder­bouwen giet altyd oer taalwearde. Mar taal hat twa wearden, erfskip en kommunikaasje, en alhoe’t se taal as erfskip, de iene nei de oare fan ’e provinsje stipe webside fol mei taal, hjir ek sjogge as ûnmisber foar de Fryske identiteit, wat dat ek wêze mei, it Frysk as kommunikaasje hat amper wearde. Taalhâlding is in wichtich begryp yn in maatskippij dêr’t twa talen neistinoar bestean, al wie it mar om’t bestjoerders der de kausaliteit mei omkeare kinne.

Want gewoanlik sjogge de brûkers fan de taal mei de lege status yndie de oare taal as mear gesach­hawwend, moaier, geskikter om abstrakte saken mei út te drukken en mear ferfine en de eigen taal as ien dy’t net meitelt yn ’e maatskippij en dêr’t jo neat mei kinne. Mar dat by de Friezen sels it ‘draachflak’ foar it learen en op alle nivo’s brûken fan har taal ûntbrekt, sa’t ús provinsje seit, derop doelend dat it bûten har macht leit, dat is demagogy. De oarsaak fan de negative taalhâlding is de trochgeande oanfal fan de dominante taal op de minderheidstaal. Meastal en ek hjir bart dy oanfal [linguïsisme = taaldiskriminaasje om de machts­ûngelikens tusken taalgroepen mei te ferblomkjen en folhâlden,Tove Skutnabb-Kangas en Robert Phillipson, ‘‘Mother tongue’: The theoretical and sociopolitical construction of a concept’, in Ulrich Ammon (red.), Status and function of languages and language varieties (Berlyn / Boston 1989) 450-477, 455. as yn: foar ûnderwiis Frysk sille wy dochs earst de Europeeske oanbestegingsregels in jier lang bestudearje moatte] troch ûnderwiis yn de minderheidstalen net te fasilitearjen en dêrmei makket de oerheid de garismatyske en praktyske-ekonomyske wearde fan de minderheidstaal aktyf lytser.

Allyksa misliedend is it wizen op it ingelsk as de lingua franca fan ús digitale tiid. Dat soe meitsje dat minsken har memmetaal yn ’e stiik litte, namstemear om’t taalassimilaasje beslist fertuten docht, lykas dat plattelânsjongerein mei ingelsk maklik oan it wurk komme yn ’e stêd. Sok tinken ûnderstelt dat der yn ús libben mar beheind plak is foar taal en dat it ingelsk dêrtroch de eigen taal ferkringt. Mar taal nimt hielendal gjin plak yn. As in taal net nuttich makke wurdt troch de maatskippij, ek al is der gjin direkte taaldiskrimi­naasje, twingt needsaak—dat hat neat mei taalhâlding te krijen: minsken moatte ite—ta oergean op de dominante taal. As dat ienris oan ’e gong is, takket in minderheidstaal hurd ôf. Dêrom sizze sifers neat en kin de Fryske Akademy likegoed ophâlde mei tellen hoefolle minsken anonym oer harsels doare te sizzen dat se floeiende fryskpraters binne.

It is dus it systeem, de oerheid mei syn útfierders fan it belied lykas machtige ûnderwiisadfiseurs en dito skoalkoepelbestjoeren, dat de minderheidstaal de ôfgrûn yn triuwt. As jo in bern yn ’e jieren dat er taal it maklikst opsûcht it learen fan syn eigen taal ûntnimme, is de bân brutsen. Dat is net yn it belang fan de ûntjouwing fan it bern. Jo hoege gjin nasjonalist te wêzen om yn in meartalige maatskippij pontifikaal foar it formeel learen fan de memmetaal te wêzen, op skoalle lykas it nederlânsk. In memmetaal is in berterjocht. Mar it brûken en learen is gjin plicht, lit stean in wet: as de bern in jefte fan har mem krije, dy’t se net ha wolle om’t se tinke dat se der neat oan ha, seit in native American oer syn deade taal, nimt op in stuit Mem alles werom. In treffender namme as ‘Mem’ hie de kulturele haadstêd ferline jier dan ek net betinke kinnen foar syn lullige taalprieeltsje. Mar alle dagen sa’n tritich fryskpraters (dea, nei skoalle, ferhuze) minder is likegoed lang sa slim net as dat de machthawwers de minderheidstaal yn syn gehiel ferfange troch in nije minderheidstaal. Troch de steat late taaltechnology is sa âld as de nacht, hat it doel fan mear praters en omfettet nije letters, standerdisearjen en modernisearjen.

Foar standerdisearjen is de Fryske Akademy (FA) oprjochte, want as dy de dialekten skrast hâlde jo mear ienheids­fryskpraters oer, yn provinsjeteory. Minder bekend mar like wreed is de troch de oerheid late taalmodernisaasje. Al jierrenlang bringt it ‘taalweb’ fan de FA it nederlânske ‘gebeure’ as fol­weardich synonym fan ‘barre’. Dat is net om’t hjoed fryskpraters like faak ‘gebeure’ sizze as ‘barre’, want dat is net te tellen, alteast de FA kin it net wittenskiplik ferantwurde fêststelle. Modernisearring is net deskriptyf; it is preskriptyf, en sadwaande net weardeneutraal.Ferlykje Einar Haugen, ‘Instrumentalism in language planning’, yn Joan Rubin en Björn H. Jernudd (red.), Can language be planned?: Sociolinguistic theory for developing nations (Honolulu 1971) 267-276, 267. Om’t de kommunikaasjewearde fan it Frysk dochs op nul set is, kin it taalbelied de taalprater fuorttinke: yn opdracht fan ’e provinsje giet de FA út fan in ideologysk takomst­byld. De FA is fan—ûnûnderboud—betinken dat ‘gebeure’ effektiver en funksjoneler is as jo aanst yn it frysk moderne dingen beprate wolle, en hat yn dy trant in taal betocht mei it each op it frysk op skoalle dat der net is en wierskynlik nea komt.

It taalweb ferbynt, oars as syn—hollânske—namme beart, hielen­dal net alle fryske taaleigen: de âlde wurdboeken, fan bysûnder hege kwaliteit, hat de FA doelberet weilitten. It hat inkeld de twa nijste wurdboeken mei FA-oanfollingen. Jo kinne yn it kylwetter fan taal­beliedadfiseurs riddenearje dat wurden komme en gean, mar salang’t de grammatika bliuwt, de taal allyksa himsels bliuwt. Mar de FA follet ek de grammatika oan dy’t fryske wurdboeken net ha. Sa gean betreklike bywurden neffens it wurdboek gewoan fan ‘dêr’t … yn’, mar neffens de FA fan ‘wêryn’t’ of, sûnder de ûnhollânkse ein-’t, ‘wêryn’. De reden dat minsken dat oernimme is dat se tinke dat it better heart, seit in stúdzje, dus twa simpele kritearia meitsje út wêrom’t ien lienwurd sjoen wurdt as naturalisearre en it oare as ynkringer: gewoante en prestiizje.Erida Prifti, ‘Language modernization vs. linguistic protectionism’, ERIC, 19 novimber 2009, 6, files.eric.ed.gov/fulltext/ED507223.pdf, krigen 22 novimber 2019. It haadkertier FA syn fixer op ’e grûn is de buorman op ’e Bûterhoeke, steatsútjouwerij Afûk.

Wat it boekje fan Aggie van der Meer hast ûnlêsber makket is net de taalfariant dêr’t it yn skreaun is op himsels. It omropfryslânfrysk groeie jo wol yn lykas yn in fers yn it snitsersk, al haw ik leaver it lêste. De barjêre is de ûnautentisiteit fan de brûkte taal, as dokters­taal dy’t as er net deagewoan ôfskrikt dochs hoe dan ek ûnecht en ûnoprjocht heart. Want sokke taal is bedoeld om der wat fan te learen en om te remediearjen; net om jo twa te ferbinen yn iepen konversaasje. It is krekt dy kwestje dy’t skoallen hawwe as se bern mar net oan it lêzen krije, wylst de âlden dat net werkenne en dan docht bliken dat de bern fan juf ynstruksjeteksten opdist krije, rjochte op it juste begryp fan taal & moraal, en thús ha se Annie MG Schmidt en dat is keunst yn autentike, earlike taal en dát lêze se wol.

Noaten

  1. Mario Saraceni, ‘Back to the 19th century: how language is being used to mark national borders’, The Conversation, 4 oktober 2016, theconversation.com/back-to-the-19th-century-how-language-is-being-used-to-mark-national-borders-66357, krigen 22 novimber 2019.
  2. Sitaat fan etymolooch Joast Halbertsma dy’t taalferskynsels seach as ferbûn mei ien beskaat folk, yn Philippus Breuker, ‘Mytysk tinkende Joast Halbertsma’, Philologia Frisica 1091 (2015) 64-79, 64, 66.
  3. Kerst Huisman, g.t, Facebook (Group Fryslân en de Fryske taal), www.facebook.com/groups/152985924776502/3258937380847992/, 16 novimber 2019, krigen 16 novimber 2019.
  4. Tove Skutnabb-Kangas en Robert Phillipson, ‘‘Mother tongue’: The theoretical and sociopolitical construction of a concept’, in Ulrich Ammon (red.), Status and function of languages and language varieties (Berlyn / Boston 1989) 450-477, 455.
  5. Ferlykje Einar Haugen, ‘Instrumentalism in language planning’, yn Joan Rubin en Björn H. Jernudd (red.), Can language be planned?: Sociolinguistic theory for developing nations (Honolulu 1971) 267-276, 267.
  6. Erida Prifti, ‘Language modernization vs. linguistic protectionism’, ERIC, 19 novimber 2009, 6, files.eric.ed.gov/fulltext/ED507223.pdf, krigen 22 novimber 2019.

Foaropwurd

Fers2 nû. 5.18, 17 novimber 2019

Wy bin gjin rassist

image Fers2

Jerry Afriyie kin it net sizze, want wat swarter jo binne wat mear diplomasy jo ambysjes easkje, mar ik bin joadske wypipo en ik sis it wol: de NOS-foto fan de ynsleine ruten die my dalik tinken oan de Kristallnacht. Jûns op 7 novimber lêstlyn bekûgele in ploech fan sa’n santich rjochtsekstremisten mei swier fjoerwurk it pân dêr’t in freedsume boargerbeweging, Kick Out Zwarte Piet (KOZP), in besletten gearkomste hie en sloech meidoggers har autoruten yn en de ruten fan it gebou. Oars as 81 jier lyn liet it gesach it geweld net gewurde. De plysje wie der foar’t de ploech binnenkringe koe en hold fiif manlju oan om molest en besykjen brân te stichtsjen, dy’t trouwens op ien nei wer frij binne.

Twa jier lyn wiene de yntimidaasje fan oarstinkende boargers en it kearen fan de antyswarte pyt-aksjefierdersbus op de sneldyk al sûnder mear in obstruksje fan ús rjocht fan demonstrearjen en ús frijheid fan ekspresje. Geweld is ek net nij. By de Sinteklaasyntocht in jier lyn brutsen pro-swartepytstriders/PSV-hooligans troch it plysje­kordon hinne foar in lynch party lite, smieten mei aaien, pipernuten, blikken bier en misledigingen, fan “vuile kutneger”, “ga terug naar je eigen land” oant “kruip een boom in”, en sloegen en skopten de KOZP-demonstranten, dêr’t har eigen bern gewoan neist stiene; yn De Haach stried in jonkje fan 13 mei.

Likemin is it relativearjen fan ekstreemrjochts geweld nij. Us premier Mark Rutte die it yntochtwykein-2018 mei sechstich arrestaasjes—60!, op in bernefeest—ôf as folkske oandrift, mei de útflecht dat hy neat op hie “met Zwarte Piet-extremisten, noch voor noch tegen”. No rôpen de rassehatersbeweging Pegida en de Haachske sakeman John van Zweden op Twitter op om de KOZP-gearkomste te fersteuren, en wiske Van Zweden nei diene saken gau syn tweet dêr’t er it geheime gearkomste­adres yn bekendmakke. It mei sa wêze dat Van Zweden syn oansetten ta geweld ûnbewiisber is en in proses gjin kâns makket. Mar as wy tagelyk allegearre de radikalisearring fan de rjochterkant fan it pitedispút konstatearje, wêrom is it dan gjin saak foar ús feiligens­tsjinst AIVD, it Iepenbier Ministearje (OM), de Nasjonaal Koördinator Terrorisme­bestriding en Feiligens (NCTV), of likefolle hokker oerheid?

Om te begjinnen is de NCTV sels net kleureblyn. Ek binne se minder fluch as Van Zweden yn it fan it ynternet ôfheljen fan uteringen mei in rassistysk smaakje. Yn novimber 2017, fuort nei de sneldykblokkade troch Fryske rjochtsekstremisten om de demonstraasje fan antypytaktivisten yn Dokkum te ferhinderjen, sette de NCTV yn syn online drigingsroaiïng dat guon “extreemlinkse antiracistische actiegroepen” stride “tegen (in hun ogen) racistische en koloniale symbolen” en ien fan ’e “bekendste actiegroepen hiervan [is] Kick Out Zwarte Piet.”Nationaal Coördinator Terrorismebestrijding en Veiligheid / Ministerie van Justitie en Veiligheid, Dreigingsbeeld Terrorisme Nederland 46, De Haach, NCTV, novimber 2017, 8. Nei oardel jier protest tochten se dat it om in fersin gie: “KOZP staat in het DTN46 omschreven als een activistische organisatie. Er is dus geen sprake van dat KOZP door de NCTV als een linksextremistische organisatie … is beschouwd.”Nationaal Coördinator Terrorismebestrijding en Veiligheid, ‘KOZP in DTN 46’, brief 22 maaie 2019, www.nctv.nl/binaries/nctv/documenten/publicaties/2019/05/23/kozp-in-samenvatting-dreigingsbeeld-terrorisme-nederland-46/KOZP+in+DTN+46.pdf, kigen 10 desimber 2019.

Loftsekstremisme is, neffens de AIVD, in gefaar foar de demo­kratyske rjochtsoarder. Loftsekstremisten stribje ûndemokratyske doelen nei of sette ûndemokratyske middels yn, lykas gewelddiedige aksjes yn it ramt fan antyfassisme, antyg­lobalisme, of frjemdlinge­belied, dus tsjin útsettingen. It nijste ûndersyk lit sjen dat der benammen in gefaar foar de iepenbiere oarder is. Dat betsjut op de ien of oare manier lykwols net “dat het belang van de dreiging op de democratische rechtsorde moet worden onderschat”, ek al, sizze se, is de reewilligens ta ekstremistyske aksjes lytser neigeraden dy gewelddiediger binne, al is de grutte fan ploegen dy’t oan geweld meidwaan wolle dus beheind, al witte se hielendal net hoe faak oft loftsekstremistyske ploegen bûten de wet operearje, en al binne der yn it tiidrek 2015 oant en mei oktober 2017 mar 182 persoanen oanwiisd dy’t se assosjearje mei in loftsekstremistyske ploech.Tom van Ham, Manon Hardeman, Juno van Esseveldt, Anouk Lenders en Anton van Wijk, ‘Samenvatting Links-extremisme in beeld: Een verkennend onderzoek naar links-extremistische groeperingen in Nederland’, Wetenschappelijk Onderzoek- en Documentatiecentrum, 2018, www.wodc.nl/binaries/2867_Samenvatting_tcm28-323559.pdf, krigen 11 novimber 2019.

NRC checkt’ telde yn augustus 2017 ek inkeld 200 à 300 rjochts­ekstremisten, op basis fan in stikmannich rûzingen lykas dy fan de AIVD. Mar dêr lizze opnij tûkelteammen. Want wat telt as rjochts­ekstremist? Ekstreemrjochts, seit de renommeare Anti-Defamation League yn New York, oftewol radikaalrjochts of ‘far right’, binne rjochtse politike, maatskiplike of religieuze bewegingen dy’t bûten de reguliere sfear bestean en radikaler binne. Yn de Feriene Steaten oerlaapje twa typen inoar, dy’t wy hjir ek werkenne. De ‘white supremacists’ binne de neo-Nazys, skinheads, alt right en oare wite rassehaters. De paramilitêre bewegingen keare har tsjin de oerheid, yn Nederlân ynearsten IS-striders, mar hjoeddedei al ús ekstreem­rjochts, om’t, sa’t ús rjochtspopulistyske partijen allegeduerigen útlizze, Nederlân en de Europeeske Uny (EU) de moslims en migranten binnenhelje. Dêrneist foarmje de ‘single-issue’-bewegingen earder it ekstreme útein fan de gongbere konservative polityk, lykas yn Amearika de antyabortusaktivisten en hjir de antyhomobeweging. Mar de AIVD definiearret oars.

Doe’t de AIVD yn syn lêste rapport oer rjochtsekstremisme skreau dat “sinds enkele jaren het anti-islamgedachtegoed dominant in de rechts-extremistische scene in Nederland” is,Algemene Inlichtingen- en Veiligheidsdienst, 'Rechts-extremisme in Nederland, een fenomeen in beweging', AIVD, 2 oktober 2018, 9, www.aivd.nl/binaries/aivd_nl/documenten/publicaties/2018/10/02/rechts-extremisme-in-nederland-een-fenomeen-in-beweging/Rechts-extremisme+in+Nederland+een+fenomeen+in+beweging.pdf, krigen 11 novimber 2019. kaam der fûleindige krityk út de rjochtspopulistyske wynstreek. “Op televisie zit een imam openlijk voor kutjesknippen te pleiten, maar kritiek daarop, dát is pas echt dubieus … De Vaderlandse Overheid maakt islamkritiek dus verdacht.”Van Rossum, ‘AIVD maakt uiten van islamkritiek gevaarlijker’, GeenStijl, 3 oktober 2018, www.geenstijl.nl/5144195/de-islam-is-zelf-extreemrechts-gedachtengoed/, krigen 11 novimber 2019. Jo krije it polarisearjen fan it petear samar sels oanwreaun as jo de bân analysearje tusken rjochts­populistyske partijen en rjochtsektremisme. It AIVD-rapport neamt it Foarum foar Demokrasy (FvD) en de Partij foar de Frijheid (PVV) dan ek net. It wurd rassisme stiet der mar ienris yn. Lyksa baarnt de NCTV syn fingers leaver net oan kriminalisearring fan beskate krityske, nammentlik islamkrityske, opfettingen en seit dat oer de relaasje tusken rjochtspopulisme en rjochtsekstremisme ‘weinig tot geen wetenschappelijke consensus’ bestiet.Nationaal Coördinator Terrorismebestrijding en Veiligheid, De golfbewegingen van rechts-extremistisch geweld in West-Europa Aard, ernst en omvang van de rechts-extremistische geweldsdreiging in West-Europa, inclusief Nederland (De Haach oktober 2018) 32.

Jo ha wittenskippers dy’t sizze dat de antyislam- en antymigrante­haatkampanjes—ûnderskied tusken moslim, flechtling en net-wyt ûntbrekt gewoanlik—fan rjochtspopulistyske partijen in kweekbêd wêze kinne foar it brûken fan geweld.

Thierry Baudet syn wurdkar, ‘boreaal’ en ‘omfolkjen’, wiisde al dúdlik op de rassistyske boarne fan syn ideology foar’t er te praten gie mei Jared Taylor fan de Amerikaanske alt-right en it dêrnei hie oer ‘homeopatysk fertinjen’ fan it Nederlânske folk. Geert Wilders gie nei de Far Right Night fan ekstreemrjochtse EU-parlemintariërs. Beide kamen thús mei wurden dy’t se letter goedprate moasten—of dat just net diene: Baudet ferdigene syn FvD-senator dy’t werom­nimme moast dat joaden yn ’e oarloch sels meidien hiene oan har deportaasje. Sa bliuwt populistysk-rjochts op de uterste grins, mar tagelyk op in delrinnend flak. Europeesk nasjonalisme-ekspert Joep Leerssen seit: “Binnen de grenzen van de democratische rechtsorde schuiven ze voortdurend precies zo ver op naar rechts als de publieke opinie het van hen accepteert.” Hy hat slimme noed oer de trochgeande haatprekerij en stokelderij: “Mensen wennen eraan, waardoor rechts-extremisme steeds gewoner wordt.”Bart van den Dikkenberg, ‘Prof. Leerssen: Forum voor Democratie wortelt in racistische ideologie’, Reformatorisch Dagblad, 9 augustus 2019, www.rd.nl/vandaag/politiek/prof-leerssen-forum-voor-democratie-wortelt-in-racistische-ideologie-1.1586988, krigen 11 novimber 2019. Boppedat ferklearret de PVV iepenlik dat geweld okee is: “Je kan intolerantie alleen met intolerantie beantwoorden, het is niet anders, vrienden. Dat is misschien niet prettig, niet politiek correct. Maar als je niet wilt dat je zelf wordt opgegeten, zal je toch de ander moeten opeten.”Derk Stokmans en Herman Staal, ‘We staan pas aan het begin van ons avontuur’, NRC, 24 maaie 2008, www.nrc.nl/nieuws/2008/05/24/we-staan-pas-aan-het-begin-van-ons-avontuur-11543512-a1054573, krigen 11 novimber 2019.

Oan ’e oare kant sizze wittenskippers dat de rjochtspopulistyske partijen it rjochtsekstremisme just syn kweekbêd ûntnimme, om’t de partijen deryn slagje ymmigraasje en islam op de politike aginda te setten. Rassepolityk dus, formalisearre: dat soe better wêze as ekstreemrjochtse bewegingen, sizze dy wittenskippers. Lit ús oannimme dat dat ôfweagjen dêr’t se yn leauwe, dat it paramilitêre type ekstreemrjochts net bedijt neist formele rassepolityk, werklik bestiet. Dan is der in nije swierrichheid. Bestiet rassisme hjir wol?

De strukturele diskriminaasje en útsluting by ús plysje, fan moslim-, homo- en frouljushaat oant swart etnysk profilearjen, dy’t de lêste moannen fia ferskate kloklieders foar’t ljocht komt, hjitte yn ’e media ‘swierrichheden’. Alve boargemasters yn regio De Haach fersmieten koartlyn de “suggestie” fan de kloklieder dat it gie om ynstitúsjoneel rassisme, mei sa’n weiwiuwerich wolnee! dat Afriyie witte koe dat De Haach/omkriten in foar in KOZP-gearkomste faaie boel is: de plysjes binne op ’e hân fan it rosmos yn skimaskers dat op ’e oprop fan Van Zweden reagearre. In “deeply-rooted institutional racism” hearsket yn alle strafrjochtstelsels fan de EU, seit in ûndersyk dat útkaam yn septimber, en yn alle ûnderdielen fan de rjochtsgong, fan oanjefte oant feroardieljen. Dat hat in “justice gap” skoepen. Temin oanjefte fan rassehaatsaken hat allerhanne oarsaken, lykas dat slachtoffers “do not realise that they are part of a trend of targeted criminality”, en yn Nederlân is de relaasje tusken maatskiplike antydiskriminaasje-organisaasjes en de oerheid min om’t it OM net meidwaan wol oan it trijemoanliks oerlis.European Network Against Racism, ‘Racist crime &institutional racism in europe: ENAR Shadow Report 2014-2018’, ENAR, 12 septimber 2019, 13, 15, www.enar-eu.org/IMG/pdf/shadowreport2018_final.pdf, krigen 11 novimber 2019. Dêrom is geweld tsjin antyrassimeploegen net fansels in saak foar it OM.

Afriyie docht wol oanjefte, mar fan dy freedtejûn ôf hat in stream saakkundigen syn ljocht skine litten oer de akseptaasje fan geweld, Teun van Dongen, Berend Roorda, Jelle Klaas; oer de akseptaasje fan rassisme hat gjinien it. Ferline jier, yn reaksje op it kreas suvere AIVD-rapport, sei wol Martijn de Koning dat as de AIVD winkt fan “Men wil bereiken dat een culturele omwenteling plaatsvindt naar een maatschappij waarin racisme normaal is”,Algemene Inlichtingen- en Veiligheidsdienst, 'Rechts-extremisme in Nederland, een fenomeen in beweging', AIVD, 2 oktober 2018, 19, www.aivd.nl/binaries/aivd_nl/documenten/publicaties/2018/10/02/rechts-extremisme-in-nederland-een-fenomeen-in-beweging/Rechts-extremisme+in+Nederland+een+fenomeen+in+beweging.pdf, krigen 11 novimber 2019. mar PVV en FvD en har rassistyske praktiken net neamt, dat it “probleem hiermee vooral [is] dat de AIVD zo het heersende racisme versterkt.”Martijn de Koning, ‘Op kousenvoeten – De AIVD, Extreem-rechts en anti-islamgedachtegoed’, Closer, 11 oktober 2018, religionresearch.org/closer/2018/10/11/op-kousenvoeten-de-aivd-extreem-rechts-en-anti-islamgedachtegoed/, krigen 11 novimber 2019. De Koning tinkt dat ekstreemrjochts him perfoarst net de wyn út de seilen nimme lit troch de formele rassepolityk, om’t ekstreemrjochts syn raison d’être ommers is om te gean dêr’t polityk net sa gau doart te gean. Ek seit er: “Als we het streven van alt-rechts naar een samenleving waarin racisme normaal is … al niet meer kunnen benoemen als racistisch, wat dan nog wel?” Mar dat is it punt. Wy wolle it rassisme net definiearje as rassistysk. Want, sa’t Leerssen seit, wy geane in hurde grins oer as wy ús ferklearje tsjin de grûnwetlike rjochtsoarder, mei gelikens fan alle boargers foar de wet.Bart van den Dikkenberg, ‘Prof. Leerssen: Forum voor Democratie wortelt in racistische ideologie’, Reformatorisch Dagblad, 9 augustus 2019, www.rd.nl/vandaag/politiek/prof-leerssen-forum-voor-democratie-wortelt-in-racistische-ideologie-1.1586988, krigen 11 novimber 2019.

Kêst 1 Grûnwet syn ferbod om te diskriminearjen nei godstsjinst, ‘ras’, kleur of smaak, dêr kinne gemeentes net mei wurkje. Juster kaam Sinteklaas yn Fryslân oan yn Ljouwert, Harns, Snits, De Lemmer, It Hearrefean, Boalsert, Frjentsjer en Dokkum. Allinne yn Ljouwert kundige Afriyie syn nije kampanje #2020SwartePytFrij oan. Fierder binne it skytstedsjes, niks foar de Volks-Unie en Pegida har 15 mins. of fame en foar de gelegenheids­hooligans om op nivo te knokken, mar likegoed skrilje gemeentes foar alles dat tusken kultuer en konsumint yn komme kin te stean. Yn Nimwegen, Alkmaar, De Haach en Grins stie Amnesty mei minskerochteabbekaten yn de KOZP-demonstraasjefakken om’t “het demonstratierecht bij de intocht onder druk is komen staan”,‘Sinterklaasintocht: Arrestaties maar geen grote incidenten tijdens intochten’, NRC, 16 novimber 2019, www.nrc.nl/nieuws/2019/11/16/volg-hier-het-nieuws-rond-de-intocht-van-sint-en-piet-a3980515, krigen 16 novimber 2019.lês: om Dokkum ensf. De oerheden lizze de safolste stroffelstien foar in rassismefrije wrâld. Se riddenearje fan demonstraasje lokket tsjindemonstraasjes út. Se achtsje dan just it earste part fan kêst 1 tige brûkber: Elkenien dy’t yn Nederlân tahâldt, wurdt yn gelikense gefallen gelikens behannele. KOZP is samar in ûngelikens gefal, bygelyks, sa’t Van Zweden efterôf sei, om’t se net gewoan op it Malyfjild demonstrearje lykas de boeren en de bouwers—dêr’t trouwens net ien swarte boer/bouwer tusken siet—mar benammen troch in djipwoartele diskoers by westerske oerheden, dêr’t se de oar yn beskriuwe as Oar.

Oft it no it maatskiplik systeem fan ûngelykheid fan befolkings­skiften oangiet, of it deistich diskriminatwaar hanneljen, of de sosjale omgong, of ús tinken, seit Teun van Dijk, yn de reproduksje fan rassisme is diskoers in faktor fan belang. Op mikronivo skriuwe wite lju mislike dingen oer minderheden. Op makronivo bringe de media en polityk de ideology fan de wite dominante groep nei bûten. Alhoe’t no de sosjale media it rassisme ek opswypkje kinne—Van Dijk syn teory is út 1997—dy wurkje inkeld as echoput. By it yn stân hâlden fan rassisme spilet net de boaze Facebookster­efterbuert de haadrol, mar de wite elite. Dy har macht, ommers, wurdt beskaat troch de tagong ta sosjale boarnen. En dy ha de behearsking oer allerhanne foarmen fan iepenbier diskoers. As der nijkommers oan de grins ferskine, ferwachtsje wy sels dat politisy as earste mei in offisjele beskriuwing fan de tastân komme.Teun A. van Dijk, ‘Political discourse and racism: Describing others in Western parliaments’, yn Riggins en Stephen Harold (red.), The language and politics of exclusion: Others in discourse (Communication and human values, diel 24) (Thousand Oaks, CA 1997) 31-64.

“Words matter in the migration debate,” sei Rob McNeil fan de Migration Observatory op it hichtepunt fan de ‘migrantekrisis’.Camila Ruz, ‘The battle over the words used to describe migrants’, BBC, 28 augustus 2015, www.bbc.com/news/magazine-34061097, krigen 11 novimber 2019. ‘Exile’, it iennichste wurd mei positive konnotaasje, bliek útstoarn yn de Britske media, ek al foldiene de measte Syryske flechtlingen oan it idee fan de balling dy’t twongen is om fuort te gean mar him polityk by syn lân belutsen fielt en as it kin wer werom wol; al-Jazeera skraste tenei it ûntminsklikjende ‘migrant’ om as it efkes koe ‘refugee’ te brûken en ek in Washington Post-stik frege him ôf oft it net tiid waard om it leechlizzende ‘migrant’ te dumpen. It neutrale ‘boat people’ ferwiist nei de Fietnameeske boatflechtlingen yn de jierren santich. Massaal flechtsjen oer wetter is dus gjin nij ferskynsel en doedestiids slagge in ynternasjonale konferinsje der wol yn om 2,5 miljoen flechtlingen in plak te jaan op ierde. Dochs sei ús Rutte yn 2015: de massale tastream fan ‘migranten’ “zou zelfs het weefsel van onze [EU-]samenwerking kunnen doen wegscheuren”.‘Rutte waarschuwt voor einde samenwerking EU’, Trouw, 24 oktober 2015, www.trouw.nl/nieuws/rutte-waarschuwt-voor-einde-samenwerking-eu~bbe12af0/, krigen 11 novimber 2019. Ha! as dat sa wie, skuorden de PVV & FvD de flechtlingen oan de swimheak nei binnen :)

EU-presidint Donald Tusk foel Rutte by, de bûtengrinzen moasten fersterke, en wol om ús kulturele wearden fan frijheid en solidariteit te beskermjen. De kultuer, dy net te ferienjen Oars is, foarmet hjoeddedei de driging. Neffens it ‘moderne’ rassisme is net ras sels it gefaar, dat wol sizze fan it ferleskjen fan it superieure ras. Allinne yn it ekstremistyske, iepenlik rassistyske diskoers is de grûnwetlike gelikens ferfongen troch in natuerlike hierargy tusken ‘ús’ en de Oaren, lykas yn it tradisjonele wite oerhearskingstinken, mar seit Van Dijk, dêr giet it gebrûklike ûntkennen fan rassisme oan foarôf.

Dêr’t wy sa op oanstjoere, is op in rassisme sûnder ras en dus ek, fral, sûnder rassisten. Van Dijk lit sjen hoe’t de wite elite yn oerheden iepenlike ksenofoby lykas ‘minder minder’ út de wei giet en ûntkent dat de negative presintaasje fan de oar, bygelyks as lju dy’t koloniale symboalen op leech wetter sykje, rassisme is. Nee, de ‘politike realiteit’ twingt ta it nimmen fan ferfelende besluten. ‘Kin’ KOZP net befeilige wurde op ’e dyk om’t se ynstee fan 100 mei 200 komme, dan ‘kinne’ se net demonstrearje yn Skeveningen-haven. Dêrby telt de oerheid syn favorite derby skuorde argumint fan ‘de folkslilkens’ as ‘feit’: de elite is net rassistysk mar ja it folk en dêrom ‘kin’ KOZP net yn ’e Lwt-er Prinsetún demonstrearje. De posteraksje dêr fan pro-sw.­pytaktivisten (Sint mei hitlersnor + “Ús Pyt bliuwt swart, ús mienskip wit. Wy dogge it foar de bern”) akseptearre Ljouwert as rassisme troch tsjûgen te sykjen fan it nachtlik plakken yn in tsjuster parkje; in hânfol low life waard ferbean—kin dat sa sûnder rjochter?—om nei de yntocht te gean. Rutte, wilens, reagearret net op it KOZP-fersyk om in petear.

De dramatyske fraach yn de media fan ‘wêr is it foarfal yn De Haach de prelude fan?’ is dêrom fette flauwekul. As dy freedtejûn al eat feroare wie it gradueel. Wy binne al lang bedarre yn in mentaliteit dêr’t rassisme net bestiet. Van Zweden hat, útsein it geheime adres, inkeld op Twitter set fan “Wees welkom in ons gastvrije #DenHaag. Ga ervan uit dat er ook nog wat [swarte pyt-]voorstanders heen gaan. Succes Scheveningen”, mar neat oer geweld, dat er ôfkart. En hy kart it ek ôf dat er op it ynternet in rassist neamd is. Neat fan wier. Wy bin gjin rassist.

Noaten

  1. Nationaal Coördinator Terrorismebestrijding en Veiligheid / Ministerie van Justitie en Veiligheid, Dreigingsbeeld Terrorisme Nederland 46, De Haach, NCTV, novimber 2017, 8.
  2. Nationaal Coördinator Terrorismebestrijding en Veiligheid, ‘KOZP in DTN 46’, brief 22 maaie 2019, www.nctv.nl/binaries/nctv/documenten/publicaties/2019/05/23/kozp-in-samenvatting-dreigingsbeeld-terrorisme-nederland-46/KOZP+in+DTN+46.pdf, kigen 10 desimber 2019.
  3. Tom van Ham, Manon Hardeman, Juno van Esseveldt, Anouk Lenders en Anton van Wijk, ‘Samenvatting Links-extremisme in beeld: Een verkennend onderzoek naar links-extremistische groeperingen in Nederland’, Wetenschappelijk Onderzoek- en Documentatiecentrum, 2018, www.wodc.nl/binaries/2867_Samenvatting_tcm28-323559.pdf, krigen 11 novimber 2019.
  4. Algemene Inlichtingen- en Veiligheidsdienst, 'Rechts-extremisme in Nederland, een fenomeen in beweging', AIVD, 2 oktober 2018, 9, www.aivd.nl/binaries/aivd_nl/documenten/publicaties/2018/10/02/rechts-extremisme-in-nederland-een-fenomeen-in-beweging/Rechts-extremisme+in+Nederland+een+fenomeen+in+beweging.pdf, krigen 11 novimber 2019.
  5. Van Rossum, ‘AIVD maakt uiten van islamkritiek gevaarlijker’, GeenStijl, 3 oktober 2018, www.geenstijl.nl/5144195/de-islam-is-zelf-extreemrechts-gedachtengoed/, krigen 11 novimber 2019.
  6. Nationaal Coördinator Terrorismebestrijding en Veiligheid, De golfbewegingen van rechts-extremistisch geweld in West-Europa Aard, ernst en omvang van de rechts-extremistische geweldsdreiging in West-Europa, inclusief Nederland (De Haach oktober 2018) 32.
  7. Bart van den Dikkenberg, ‘Prof. Leerssen: Forum voor Democratie wortelt in racistische ideologie’, Reformatorisch Dagblad, 9 augustus 2019, www.rd.nl/vandaag/politiek/prof-leerssen-forum-voor-democratie-wortelt-in-racistische-ideologie-1.1586988, krigen 11 novimber 2019.
  8. Derk Stokmans en Herman Staal, ‘We staan pas aan het begin van ons avontuur’, NRC, 24 maaie 2008, www.nrc.nl/nieuws/2008/05/24/we-staan-pas-aan-het-begin-van-ons-avontuur-11543512-a1054573, krigen 11 novimber 2019.
  9. European Network Against Racism, ‘Racist crime &institutional racism in europe: ENAR Shadow Report 2014-2018’, ENAR, 12 septimber 2019, 13, 15, www.enar-eu.org/IMG/pdf/shadowreport2018_final.pdf, krigen 11 novimber 2019.
  10. Algemene Inlichtingen- en Veiligheidsdienst, 'Rechts-extremisme in Nederland, een fenomeen in beweging', AIVD, 2 oktober 2018, 19, www.aivd.nl/binaries/aivd_nl/documenten/publicaties/2018/10/02/rechts-extremisme-in-nederland-een-fenomeen-in-beweging/Rechts-extremisme+in+Nederland+een+fenomeen+in+beweging.pdf, krigen 11 novimber 2019.
  11. Martijn de Koning, ‘Op kousenvoeten – De AIVD, Extreem-rechts en anti-islamgedachtegoed’, Closer, 11 oktober 2018, religionresearch.org/closer/2018/10/11/op-kousenvoeten-de-aivd-extreem-rechts-en-anti-islamgedachtegoed/, krigen 11 novimber 2019.
  12. Bart van den Dikkenberg, ‘Prof. Leerssen: Forum voor Democratie wortelt in racistische ideologie’, Reformatorisch Dagblad, 9 augustus 2019, www.rd.nl/vandaag/politiek/prof-leerssen-forum-voor-democratie-wortelt-in-racistische-ideologie-1.1586988, krigen 11 novimber 2019.
  13. ‘Sinterklaasintocht: Arrestaties maar geen grote incidenten tijdens intochten’, NRC, 16 novimber 2019, www.nrc.nl/nieuws/2019/11/16/volg-hier-het-nieuws-rond-de-intocht-van-sint-en-piet-a3980515, krigen 16 novimber 2019.
  14. Teun A. van Dijk, ‘Political discourse and racism: Describing others in Western parliaments’, yn Riggins en Stephen Harold (red.), The language and politics of exclusion: Others in discourse (Communication and human values, diel 24) (Thousand Oaks, CA 1997) 31-64.
  15. Camila Ruz, ‘The battle over the words used to describe migrants’, BBC, 28 augustus 2015, www.bbc.com/news/magazine-34061097, krigen 11 novimber 2019.
  16. ‘Rutte waarschuwt voor einde samenwerking EU’, Trouw, 24 oktober 2015, www.trouw.nl/nieuws/rutte-waarschuwt-voor-einde-samenwerking-eu~bbe12af0/, krigen 11 novimber 2019.

Foaropwurd

Fers2 nû. 5.17, 3 novimber 2019

De feroaring fan de keunstner syn ferantwurdlikens

image Fers2

As jo yn jo sosjale medialeechtijminuten wolris surfe nei Ai Weiwei syn waaksende searje middelfingers nei machtsbolwurken, wenne jo oan it konsept fan de polityk engazjearre keunstner. Mar sjogge jo op fan it skermke, wannear gean Fryske keunstners ea de barrikaden op foar in bettere wrâld? Yn oktober 2010 teagen lilke keunstners nei it Binnenhôf om te demonstrearjen tsjin de besunigingen op Kultuer. Mar dat is in heale generaasje lyn en se kamen út Utert, der wie leau’k gjin Fries by. Yn novimber 2017 noch, sei in freon, op ’e A7. Dat wie gjin grap: as der earne Frysk kultureel erfskip makke wurdt is it wol troch de 34 ekstreemrjochts uniformearre—spikerbroek, swarte hoodie of swartlearen jaske—nasjonalistyske sneldyk­blokkearders. It byld fan har flaggeswaaien fleach it www oer, as in echo fan it ikoanyske hisen fan de Amerikaanske flagge op Iwo Jima en de moanne.

Jo kinne ek tinke fan dat binne mar publisiteitsfoto’s. Wy libje yn in tiid fan profesjoneel plaatsjesmeitsjen; dat is sa polityk as wat. Militêr optreden giet hieltyd mear oer beynfloeding, kopt hjoed it NRC: sa krong de IS mei stikeme byldtaal binnen yn ’e psyche fan beynfloedbere jongerein. Al is in beropsfotograaf miskien in keunstner, keunst is gjin keunst mear as it yn tsjinst komt fan ideolo­gyen en propaganda. Want wêr binne de withoefolle sofjetrealis­tyske Stalinportretten fan de bejubele Rus Aleksandr Gerasimow keard? Wat is der wurden fan it wurk fan de ea op hannen droegen ferdigener fan it literêr realisme, de Hongaar György Lukács? Wa wit noch fan de kommunistyske Meksikaan Diego de Rivera syn fresko’s dy’t it ferline fan it folk fleurich by de Azteken lizze? Jo soene oanfiere kinne dat ien fan dy muorreskilderingen presidint Roosevelt ynspirearre ta syn New Deal-wurkgelegenheidsbelied en úthâlde dat De Rivera reklame makke, en gjin keunst.

Ferfolch

Utrikking fan ’e Gysbert

oan Aggie van der Meer

Utrikjen Gysbert Japicxpriis 2019: sneon 16 novimber 2019 om 15.00, Martinitsjerke, Boalsert

De literatuer hat der gjin klap oan, literêre prizen. Dy ferlykje apels mei parren, ha sjuerys dêr’t gjinien echt kompetint foar wêze kin om yn te sitten, smite konservative shortlists op en beheine it ferskaat ûnder skriuwers, ferheegje de publisiteit foar en it prestiizje en de omset fan in lyts klupke útjouwers en (hooplik) har skriuwers, prigelje net ta literêre krityk, analyse en diskusje, jouwe gjin idee fan literêre skiednis, skeppe ek gjin nuttige, ûnderboude en koherinte literêre tradysjes, dogge neat om de ynkommens fan skriuwers te nivellearjen en kânsen foar nije en oare skriuwers te ferbetterjen, noch om de literatuer te fernijen. Ien ding makket lykwols alles goed:

Aggie van der Meer krijt de priis.

Foar it hiele oeuvre, dat fan 1964 &ocorc; nea efter ien literêre priis/‘masterpiece’ oanjage en altyd deagewoan gie oer saken dy’t derta dogge.

Sneon 16 novimber 2019

15:00 oere, ynrin fan 14:15 oere ôf

Martinitsjerke yn Boalsert

Ek krijt in noch geheime jonge skriuwer de Lytse Gysbert takend. Neitiids kinne jo de literators lokwinskje yn hotel De Wijnberg.

Mar op it boekpraatsje—op Youtube—oer syn Culture as weapon leit Nato Thompson út dat er films, fideospultsjes, online program­mearjen, muzyk, keunstmuseums, sosjaal netwurkjen en ek reklame allegearre ta keunst rekkenet, om’t al dy kultuerprodukten ús emoasjes beynfloedzje. Se besykje allegearre op deselde manier om ús hanneljen en ús tinken oer ús identiteit en ússels as boargers te stjoeren. Coca Cola makket ús frij en Beethoven ferbynt ús: troch ús passys op te poken. Dat barde altyd al en der sit gjin satanysk komplot efter. It is de skaal fan de kulturele beynfloeding dy’t makket dat de machthawwers no kultuer brûke moatte om oan ’e macht te bliuwen. “[T]he world has witnessed the realization of the age-old avant-garde demand that art become part of the everyday. Art and life have in fact merged.”Nato Thompson, Culture as weapon: The art of influence in everyday life (Brooklyn/Londen 2016) x. Hoewol’t er úthâldt dat se kultuer tsjin ús brûke kinne, sit Thompson der optimistysk by yn ’e Strand Book Store op Manhattan. Trije dagen earder hat Trump himsels wol ynhuldige, mar twa dagen earder wie de Women’s March ûnferwacht massaal. Dan, op it ein fan de Q&A dy’t it petear beslute moat, freget in keunstner: hoe is de ferantwurdlikens fan keunstners feroare?

Tsja. Meiprate oer de kandidaatstelling fan Ljouwert foar de Unesco City of Literature? Dan hie Fers2 sizze kinnen dat it op it oanfraachformulier better stiet dat Ljouwert it dichterskolletyf Rixt stipet ynstee fan dat oan ’e provinsje oer te litten. Logysk en gjin reden om Fers2 nea út te noegjen om mei te praten—mar is dat de ferantwurdlikens fan de (Fryske) keunstner: praktyske help by de promoasje fan de ‘kreative stêd’?

It Skriuwersboun bestiet no krekt 50 jier. De webside lit sjen dat it gjin tinken ûntjûn hat oer de ferantwurdlikens fan de keunstner. It kin wêze dat it manifest ‘De bining forbritsen’ der noch altyd ynliste boppe de hurd hingjet. Hoewol’t dy tekst de opsommet wat se fan 1946 ôf fan de keunstner ferwachten, besprekt Johanneke Liemburg him net yn har biografy fan Fedde Schurer. Want dejinge dy’t de measte striidlieten skreaun hie fan it lêste desennium, Schurer, en as model gou foar de Fryske belletry, sei no dat sokke polityk enga­zjearre poëzij gjin keunst is. Oft Jelle Brouwer, in goeie freon fan Schurer, dêr o sa om lake hie, wist Brouwer syn soan net. Wol in bytsje lake miskien. Mar betink, ‘De bining forbritsen’ wie net bedoeld as radikaal nije estetika. Schurer bedoelde in ynformeel suverjen tefoaren te kommen ûnder de skriuwers dy’t mear en minder op ’e Dútsers har hân west hiene. Hy woe fersoeningspolityk, hup alle skiepkes op it droege. Jo koene gjin skriuwer misse by de kulturele emansipaasje fan Fryslân.Hindrik J. Brouwer, út persoanlike kommunikaasje, 2015.

Huub Mous is de iennichste dy’t op de ynterne stridigens fan it manifest wiist: dat de keunstner tenei in tagelyk regionale en boppe-regionale taak hat.Huub Mous, De kleur van Friesland: Beeldende kunst na 1945 (Ljouwert/Tiel 2008) 59-60. De ambifalinsje begjint al by al of net in mien­skipstaak. Want Schurer wol perfoarst net sizze fan goeie mienskips­taken wol mar ferkearde net, en likemin dat syn nij oprjochte blêd gjin sprekbuis mear fan nasjonalisten, sosjalisten, nihilisten wêze mei, mar wol fan kristenen. Hoe twiveleftich oft it efterôf ek liket om de âlde—achttjinde-ieu, Gysbert Japiks—romantyske filosofy fan de grutske, ûnôfhinklike, frije keunstner troch te setten—dat ûnkent de rol fan it publyk, sjocht by betsjutting troch; kweket souderkeam­merkekeunst—Schurer kiest de metafoar fan it befrijen fan de keunster út syn boeien. Al binne retoarysk betûfte propagandisten noch sa handich, seit er, de ((nasjonalistyske)) kultuerpolityk moat de skriuwers frijlitte.

Net de polityk is te earbiedigjen, mar it ymmaninte. “Ien ropping bliuwt [de keunstners] oer, grutternôch foar in lyts libben: ús ferhâl­ding te registrearjen ta it wûnder; ta de natuer, ta de minske, ta God.” Reïfikaasje, in foarm fan ferfrjemding fan ús minsklikens, warskôget Marx, bart as spesifyk minsklike skeppingen misfette wurde as natuerlike feiten, opbringsten fan kosmyske wetten, of manifestaasjes fan godlike wil; sa wurde frije subjekten passyf makke. Mar Schurer preket fierder: as de bining mei de polityk ferbrutsen is en de keunstner him ôfkeart fan de folksskriuwerij dy’t “woekere op regionalisme”, is er “ien fan wêzen mei alle litteratuer te wrâld.” Már “allinne op dit ynternasjonale plan kin hja wearde krije foar it nasjonale libben” en syn tydskrift wol in “hûs” wêze foar de Fryske literêre keunst.Fedde Schurer, ‘De bining forbritsen’, De Tsjerne 1:1 (1946) 1-5. Kursiven taheakke. Sûnder it fize wurd heechliterêr te sizzen trúnt Schurer oan ta it ôfswarren fan ynhâld en populêre folkskeunst, en it omearkjen fan foarm: “keunst mei de grutte K”, taalfeardigens, “suverens”, styleksperimint en fral “Frijheid en skjintme.”

Yn it let-njoggentjinde-ieuske Europa wiene teoryen fan keunst as skjintme hiel populêr, foar in part as reaksje op it utilitaristysk tinken en de opkomst fan de ‘lilke’ yndustry. Keunstkritikus John Ruskin pleite yn syn estetykteory foar in ûnferoarlike standert fan skjintme. “Life without industry is guilt, and industry without art is brutality.”John Ruskin, ‘Lectures on art (1870), Lecture III’, Project Gutenberg, 3 septimber 2006, www.gutenberg.org/files/19164/19164-h/19164-h.htm#LECTURE_III, krigen 30 oktober 2019. Coleridge socht in religeuze ferdjipping yn de ûnderfining fan skjintme, dy’t by Schurer grif oanslacht: “The Beautiful, contem­plated in its essentials, that is, in kind and not in degree, is that in which the many, still seen as many, becomes one.”Samuel Taylor Coleridge, ‘On the principles of genial criticism concerning the fine arts, Essay third’ [aug. en sept. 1814], yn Walter Jackson Bate (red.), Criticism: The major texts (New York 1970) 364-375, 370. Kursiven oarspr.

Skjintme wie net sûnder mear natuer, alteast net by Coleridge—“We must imitate nature! yes, but what in nature—all and everything? No, the beautiful in nature.”Samuel Taylor Coleridge, ‘On poesy or art’ [1818], yn David Perkins (red.), English Romantic writers (San Diego, CA 1967) 491-496, 493. Ek hawwe wilens skjintme en foarm har feriene mei in noflike premoderne of neoklassike nocht oan oarder en hiërargy, of oars wol mei in boargerlike estetyk fan kommersjali­searring en kitsch. Dochs achtsje in hiel soad kultuer­filosofen noch altyd skjintme it hert fan de keunst. Dêrmei kinne jo dan twa kanten op: óf skjintme tsjinnet de keunst sels, keunst om ’e keunst, óf de skjintme tsjinnet in moreel doel lykas yn Ruskin syn Fiktoriaanske maatskippij: om de wrâld moaier te meitsjen.

Mous seit dat de sosjale taak fan keunst tragysk mislearre is. Dalik nei de befrijende jierren 60 seach de Westerske keunst it défaite fan de avantgarde. Mous lêst Adorno en hâldt de Frankfurter defi­nysje oan fan avantgarde: skeptyske keunstners dy’t de “ynstitúsjes fan keunst” opnij strukturearje en dy ynstitúsjes omfetsje sosjale emansipaasje en it ûnderwrotten fan it boargerlike idee fan artistike autonomy.Peter Bürger [1974], Theory of the avant-garde, transl. Michael Shaw (Minneapolis 1984) 22 e.f. Sadree’t avantgardewurk dat it ynstitút oanfalt sels yn dat ynstitút opnommen wurdt—Banksy by Sotheby’s—is de avant­garde dien. De keunstynstitúsjes, seit Mous, kamen folslein oer de ûntjouwing fan keunst te hearskjen en dirigearren de keunstners. Sa koene keunstners “hun enige bestaansrecht” ferlieze, “de verplichting om wat Brecht had genoemd ‘an der Änderung der Zustände zu arbeiten’.”Huub Mous, ‘Terug naar Adorno’, HuubMous.nl, 31 july 2013, www.huubmous.nl/2013/07/31/terug-naar-adorno/, krigen 29 oktober 2019. Bertolt Brecht, ‘Über die Notwendigkeit von Kunst in unserer Zeit’ [desimber 1930], yn Werner Hech (red.), Über Politik und Kunst (Frankfurt am Main 1971) 17-18. Yndie woe Bertolt Brecht folkske, realistyske keunst, om in flink publyk de kâns te jaan “de skjintme … fan in sosjaal fraachstik te fielen.”Bertolt Brecht, Mother Courage and her children [1939], oers. John Willett, John Willett en Ralph Manheim (red.) (New York 1994) 122. Mar dêrta krigen keunstners gjin spat romte mear, seit Mous en nijsgjirrich is de oarsaak dy’t er dêrfoar oanwiist: dat “kunstkritiek geen theoretisch fundament en geen ideologische uitgangspunten meer had.”

Dat strykt. De postmodernistyske keunstkrityk & estetyk wan­trout alle universele noarmen en fage dy fan ’e aginda, dekonstru­earre ideologyen ta Loesje-ansichten, en sjocht de estetika net as wittenskip mar as in hegemonysk, snobistysk, fallosintrysk en koloniaal-ymperialistysk optwingen fan smaak. As eat in fracht keunstners befrijde—Mous neamt gjin kasussen fan sensuer/beknot­sjen fan artistike frijheid; in bleate âlde frou yn in ynstallaasje moast foar de ynternasjonale toernee wat oanpast wurde mar mocht gewoan yn Utert—wie it wol it relativearjen fan oertsjûgings­systemen. Ek stienen tiid & tinken lang net stil. Earst wit de keunstkrityk no dat der wat is mei de avantgarde, twad tocht Brecht dat minsken yntellektuele wêzens binne dy’t in rasjonele kar meitsje en dat blykt in grut fersin, tred twivelje de hjoeddeiske keunstteoretisy oer de betsjutting fan ‘engaazjemint’ as it giet oer engazjearre keunst.

Fan it begjin ôf wie de oantsjutting avantgarde, foarhoede fan de troepemacht, ferbûn mei bestriding en radikale strategyen mei it each op in kriichsdoel. Bliken die dat Europeeske modernistyske keunst, dus avantgarde, en rjochtsekstremistyske bewegingen lykas fassisme just net yn tsjinstelling ta inoar stiene, mar nau meiinoar feriene wienen. Estetykfilosofen wize derop dat by de Islamityske Steat (IS) lykas by de Italjaanske keunststreaming fan it Futurisme geweld sintraal stiet en fan beide bewegingen foarmet geweld de basis fan de polityk en de estetyk. Neffens Thorsten Botz-Bornstein brûkt de IS lykas de Futuristen “de keunst fan geweld” om it skokeffekt en lit, ek lykas de Futuristen, it geweld sjen op in tige estetisearre en stylearre manier. De groulike fideo’s fan marteljen en moarden binne choreografearre, ynstudearre en montearre. De funksje fan styl foar it Futurisme en foar de IS rint ek parallel: it oerdragen fan de grutme en essinsje fan in mienskip.Thorsten Botz-Bornstein, The political aesthetics of ISIS and Italian Futurism (Lanham, MD 2018) 42.

De hiele byldtaal dêr’t de polityk mei op de planken brocht wurdt, mei iepenbiere taspraken, marsen, en filme wikesjoernalen op fol mei gewelddiedige propaganda, sa’t jo dat by IS sjogge, identifisearre Walter Benjamin as de “estetisearring fan de polityk” by de fassisten en benammen by de Futuristen. It giet hjir dus net om de politi­searring fan estetyk, assosjearre mei de kommunisten dy’t keunst ûnderhearrich makken oan de polityk. Dy politisearring fan keunst dreau it fassisme ta syn hâlding foar de avantgarde oer, likegoed as dat it de moeting fan fassisme en futurisme iepene. De twa konsepten oerlaapje, dat is sa, mar de útkomsten rinne diametraal utinoar: “Alle Bemühungen um die Äesthetisierung der Politik gipfeln in eimem Punkt. Dieser eine Punkt ist der Krieg.”Walter Benjamin, ‘Das Kunstwerk im Zeitalter seiner technischen Reproduzierbarkeit’ <Dritte Fassung> [1936], yn Walter Benjamin, Rolf Tiedemann en Hermann Schweppenhäuser (red.), Gesammelte Schriften, Diel I:2 (Frankfurt am Main 1991) 472-508, 506. Kursyf oarspr. De estetisearring fan polityk smyt yrrasjoneel, grouwélich geweld op en de kommunistyske totalitêre retoryk net. Wol wurde dêr de keunstners maatskiplik wurkers.

Wat de minsklike yrrasjonaliteit oangiet, doe’t Theodor Adorno yn 1941 Amearika lâne siet Brecht dêr al, fertelt Thompson. Se seagen fluch yn dat hiel Hollywood rjocht foar har eigen kritysk ûndernimmen oer stie. Ut Adorno syn analyse fan de kultueryndustry bliek dat syn effektiviteit stuolket op in psychotechnology, rjochte op it oermasterjen fan de klant, dy’t se sjogge as ûnachtsum of wjer­stribbich. Hast tachtich jier letter kin kultuer samar omset wurde yn ark en taktiken foar dejingen oan de macht, om ús bewurkjen sûnder dat wy it sels yn ’e gaten hawwe: om’t wy sosjale wêzens binne, yrrasjoneel en altyd op ’e syk nei in aai oer de holle. Tink oan hoe’t it Brexitdrama berne waard, út de oerdreaune slogan ‘Take Back Control’ en de trochsichtige bangmakkerij dat 80 miljoen Turken nei de UK kamen as se yn ’e EU bleaune. Eangst is fan de emoasjes de effektyfste om te bewurkjen, seit Thompson, want eangst hat gjin tsjinpoal.

Apart is dat Jorge Luis Borges—yn it Youtubeke nei Thompson—de minsklike gefoelichheid yn ferbân bringt mei de ferantwurdlikens fan de keunstner. Yn it Peronisme binne Borges syn mem, suster en neef finzen set. Hysels is út syn bibletekarisfunksje demovearre nei de gemeentemerk as ynspekteur fan hinnen en kninen, wat er wegere. Hy seit oer himsels dat er ûnoangenaam sentiminteel is, osa gefoelich. De ynterviewer tinkt dat gefoelens en fynfieligens primitive basisdingen binne dy’t minksen dalik krije by it ta bestean kommen. “Sí, pero,” anderet Borges, “yn it gefal fan de skriuwer, of yn it gefal fan alle keunstners, ha wy de taak, foar it meastepart de lokkige taak, om alles yn tekens te feroarjen.”‘Jorge Luis Borges tv Interview (subtitled), 1976’, [Spaansk tf-programma A Fondo, fraachpetear mei Joaquín Soler Serrano], Youtube, 12 febrewaris 2017, www.youtube.com/watch?v=I2_lE1rxiHg, krigen 29 oktober 2019. Want tekens bliuwe hingjen yn it ûnthâld fan it minskdom, leit er út. In politikere taak is der hast net.

Engaazjemint, as lêste, is net sasear Ai Weiwei, as wol ‘partisipaasjekeunst’, dêr’t keunstners minsken yn oproppe as it wichtichste materiaal foar har wurk. Sokke keunst soe it fermogen hawwe om de mienskipsfoarmen te kweekjen dy’t de neoliberale hegemony oanfjochtsje. Mar sûnder de engazjearre wisânsje fan de avantgarde om teneate te dwaan, is de kâns grut dat it dy situaasje just reprodusearret: noch mear ‘kreative stêd’. De fraach is wat engaazjemint fierder betsjut, mear as goedbedoelde wykprojekten dêr’t it effekt nea grut fan wêze kin, troch de tsjinst­berens fan de keunst oan besteande politike aginda’s. Keunstkritikus Claire Bishop bringt ús yn ’t sin dat, nettsjinsteande de alâlde komplikaasjes fan ‘autonomy fan ’e keunst’ versus ‘takomstige bettere wrâld’, neffens Jacques Rancière de estetyk net ferspile hoecht te wurden foar sosjale feroaring, om’t keunst út himsels al in ferbetteringsbelofte yn him draacht. Dochs, seit Bishop, liket de keunstner-aktivist wol de sels­weisiferjende froulike held yn de film Dogville. Dy jout har sa ûnkritysk oer oan har winsk om de mienskip te tsjinjen dat se harsels inkeld mar mear ynleveret.Claire Bishop, ‘The social turn: Collaboration and its discontents’, Artforum, febrewaris 2006, 178-183, 183. cam.usf.edu/CAM/exhibitions/2008_8_Torolab/Readings/The_Social_Turn_Cbishop.pdf, krigen 30 oktober 2019. Dêrneist/fan gefolgen kaam yn keunstynstellingen de trend op om ‘aktuele’ of ‘politike keunst’ út te stallen, al is dy net altyd sa aktueel; wilens is yn Tate de flechtling in klisjeeprojekt: grutte gesichten + grutte getallen.

Ek sûnder dat de keunstner-aktivist in noflike posysje ynnimt, om’t er altyd weromfalle kin op in suvere estetyk, alhiel los fan maatskiplike belutsenens, slagje politike bewegingen as Occupy der gâns better yn om it omtinken fan it publyk op te easkjen as it keunstaktivisme. Yn ‘Der Autor als Produzent’ besjocht Benjamin de noasje fan de keunstner-as-sosjaal-wurker as in produksjefraachstik, sadat er de keunstner-aktivisten dy’t efter in tinkbyld stean skiede kin fan dy dy’t harsels ynliivje yn de politike produksjewize. Mar dat ferskil is futyl salang’t alle keunstners, de tinkende bourgeois en skeppende wurker allyk, as nutteleaze lju sjoen wurde, seit Boris Groys, en dat is de tradisjonele opfetting. Neist ûnnut stiet keunst ek bekend as moreel en polityk min, want keunst ûntnimt ús de winsk de status quo te feroarjen trochdat it dy estetisearret. Alles dat wy hjoed om ús hinne hawwe is moaier makke foar de brûker, fan de Apple Stores dy’t de kassa’s fuort-designed hawwe, want dat smoarge jild-, oant de polityk. Ek Groys seit: “There is no doubt that we are living in a time of total aestheticization.”Boris Groys, ‘On art activism’, e-flux 56, juny 2014, www.e-flux.com/journal/56/60343/on-art-activism/, krigen 29 oktober 2019.

Teoretyske ûntsnappingstaktiken foar de engazjearre keunstner ha der wis west. Keunst rehabilitearje as nuttich die de Russyske avant­garde, mei stipe fan it gesach, oars koe it net; mar dy politike stipe is no weifallen, sjoch nei Pussy Riot. It Futurisme seach artistyk estetisearjen as it omkearde fan moaier meitsjen, as it ûntmaskerjen fan it fuortgongsideaal fan ’e moderniteit as absurd, troch de funksje fan it objekt teneate dwaan, mei as resultaat in tige gewelddiedige byldestoarm. Lykwols is it tinken oer de ivige foarútgong fan keunstsinnigens sels net radikaal oanpakt. It nei de sydline skowen fan engazearre keunst komt troch it gnizen fan keunstkritisy oer de artistike kwaliteit. Mar, tinkt Groys, ynstee fan jo drok meitsjen oer ferbettering—de reïfikaasje fan talint—is de iennichste mooglikens foar wier engazjearre keunst om te learen en estetisearje alle keunstaktivisme, likefolle oft der in etiket Bejeftige opplakt is of net. Te hoedzjen oer dat revolusjonêre estetyske tinken: dêr leit hjoed de ferantwurdlikens fan de keunstner.

Noaten

  1. Nato Thompson, Culture as weapon: The art of influence in everyday life (Brooklyn/Londen 2016) x.
  2. Hindrik J. Brouwer, út persoanlike kommunikaasje, 2015.
  3. Huub Mous, De kleur van Friesland: Beeldende kunst na 1945 (Ljouwert/Tiel 2008) 59-60.
  4. Fedde Schurer, ‘De bining forbritsen’, De Tsjerne 1:1 (1946) 1-5. Kursiven taheakke.
  5. John Ruskin, ‘Lectures on art (1870), Lecture III’, Project Gutenberg, 3 septimber 2006, www.gutenberg.org/files/19164/19164-h/19164-h.htm#LECTURE_III, krigen 30 oktober 2019.
  6. Samuel Taylor Coleridge, ‘On the principles of genial criticism concerning the fine arts, Essay third’ [aug. en sept. 1814], yn Walter Jackson Bate (red.), Criticism: The major texts (New York 1970) 364-375, 370. Kursiven oarspr.
  7. Samuel Taylor Coleridge, ‘On poesy or art’ [1818], yn David Perkins (red.), English Romantic writers (San Diego, CA 1967) 491-496, 493.
  8. Peter Bürger [1974], Theory of the avant-garde, transl. Michael Shaw (Minneapolis 1984) 22 e.f.
  9. Huub Mous, ‘Terug naar Adorno’, HuubMous.nl, 31 july 2013, www.huubmous.nl/2013/07/31/terug-naar-adorno/, krigen 29 oktober 2019. Bertolt Brecht, ‘Über die Notwendigkeit von Kunst in unserer Zeit’ [desimber 1930], yn Werner Hech (red.), Über Politik und Kunst (Frankfurt am Main 1971) 17-18.
  10. Bertolt Brecht, Mother Courage and her children [1939], oers. John Willett, John Willett en Ralph Manheim (red.) (New York 1994) 122.
  11. Thorsten Botz-Bornstein, The political aesthetics of ISIS and Italian Futurism (Lanham, MD 2018) 42.
  12. Walter Benjamin, ‘Das Kunstwerk im Zeitalter seiner technischen Reproduzierbarkeit’ <Dritte Fassung> [1936], yn Walter Benjamin, Rolf Tiedemann en Hermann Schweppenhäuser (red.), Gesammelte Schriften, Diel I:2 (Frankfurt am Main 1991) 472-508, 506. Kursyf oarspr.
  13. ‘Jorge Luis Borges tv Interview (subtitled), 1976’, [Spaansk tf-programma A Fondo, fraachpetear mei Joaquín Soler Serrano], Youtube, 12 febrewaris 2017, www.youtube.com/watch?v=I2_lE1rxiHg, krigen 29 oktober 2019.
  14. Claire Bishop, ‘The social turn: Collaboration and its discontents’, Artforum, febrewaris 2006, 178-183, 183. cam.usf.edu/CAM/exhibitions/2008_8_Torolab/Readings/The_Social_Turn_Cbishop.pdf, krigen 30 oktober 2019.
  15. Boris Groys, ‘On art activism’, e-flux 56, juny 2014, www.e-flux.com/journal/56/60343/on-art-activism/, krigen 29 oktober 2019.

Fers2 nû. 5.16, 20 oktober 2019

Boerebyldfoarming of,

hat us oerheid dan ea stappen tsjin de boeren set?

image Fers2
De Haach, 16 oktober: Hier wordt gehandhaafd.

Hoe hypokryt kinne jo wêze. Doe’t ik it roaze “Sorry”-briefke fan Extinction Rebellion út myn taske helle en sei dat oansluten in goed idee liket, hie ien broer lake en in oare spytgnyske. Berekkenje ris earlik dyn koalstoffuotprint, sus. “Your personal Earth Overshoot Day,” seit de Global Footprint Network, “is: 18 Jul.” De boarnen dy’t de ierde yn in jier fuortbringt, hie ik yn in healjier al op: “If everyone lived like you, we would need: 1.8 Earths.” Dy útkomst is namste slimmer om’t myn persoanlike Overshoot Day alve dagen earder is as de mondiale Earth Overshoot Day fan 29 july 2019. Noch earnstiger is dat, neffens de Global Footprint Network, de Earth Overshoot Day yn tweintich jier tiids twa moannen nei foaren opskood is op ’e kalinder. De 29ste july fan dit jier is “the earliest date ever.” Mar de nasjonale Overshoot Days stean der ek by: “Netherlands May 4, 2019.” Dat skeelt twaenheale moanne! As elkenien like ferromme wie as ik, soenen wy ferlet ha fan 34 ierdes.

Like ferromme as ik wienen de boeren foar it provinsjehûs op ’e Twibaksmerk yn Ljouwert, ferline wike freed. Dêr makke de deputearre acte de présence mei op in sulveren blêd in ûndertekene garânsje. Dy hold yn dat de deputearre it hagelnije stikstofbelied fan it Ynterprovinsjaal Oerlis, dêr’t er krekt fjouwer dagen earder syn hân ûnder set hie, iensidich wer ynluts. Hy die dat om de trekkers op ’e stoepe, ûnbemiddele troch de rede of in beskate mjitte fan demo­kratysk proses. Dat wie ûnbehoarlik bestjoer. Dat de deputearre is dalik út de polityk fuortpromovearre nei in plak dêr’t er gjin kwea kin, as boargemaster fan in ‘offisjeel oanwiisd’, i.e. doelberet ûntfolkjend krimpgebiet, keal en leech.

Och litte wy wol wêze, sei in broer mei útstutsen finger. Do (ik dus) hast net iens ferlet fan ien lilke Extinction Rebel fêstlymd op ’e doarsmatte om har te skewielen mei in tientsje foar dyn eksterne gewissedelbêdzjen (‘ext. salderen’) en no dus fiif minuten deis langer ûnder de dûs stean te meien. Oan ’e oare kant kinne jo wol riede, andere ik, dat de deputearre gjin fegetariër is. En gewisse is aldergelokst nurture, gjin nature, sadat as wy aanst gjin natuer mear hawwe, der yn alle gefallen noch mooglikheid is ta gewisse. De nurture, lykwols, is frijwat laissez-faire, tocht Keamerlid Esther Ouwehand fan de Partij foar de Bisten. Want se joegen oan boeren mear romte foar it brûken fan har demonstraasjerjocht as oan klimaataktivisten yn Amsterdam, sei se tsjin minister Grapperhaus, en de boeren krigen boppedat hiel maklik har sin. “Libje wy yn in trekkersteat?”‘Defensie sluit woensdag wegen Den Haag af om boerenprotest’, De Telegraaf, 15 oktober 2019, www.telegraaf.nl/nieuws/1239575716/defensie-sluit-woensdag-wegen-den-haag-af-om-boerenprotest, krigen 15 oktober 2019.

Grapperhaus sei dat se yn in rjochtsteat libben, mar ik tocht oan ús skoalreiskes. De jonges en famkes mochten nachts net byinoar op ’e sliepkeamer komme. Us gymnasium siet yn de neiweach fan hippypermissiviteit, mar ynterseks sliepkeamerferkear koe echt net en om dat dus tefoaren te kommen lei de lieding simpelwei de grins wat tichterby as it Binnenhôf: op jimme keamer bliuwe, allinnich heechstneedsaaklike húskebesite, mar net oer de A12 en tink derom net op it Malyfjild. Fansels rûnen wy wol mei syn allen de gong op. Fansels ek beswykte de skoalreislieding ûnder de oermacht: “Wy wienen mei safollen ûnderweis, dan witst datst hinder feroarsakest ast ús ferbiedst op it Malyfjild te stean.”Boereprotestorganisator Jeroen van Maanen. Yn Arjen Schreuder en Mark Lievisse Adriaanse, ‘De trekkers gaan zó om de agenten heen’, NRC, 16 oktober 2019, www.nrc.nl/nieuws/2019/10/16/de-trekkers-gaan-zo-om-de-agenten-heen-a3977075, krigen 16 oktober 2019. Sûnder de wille fan wa dan ek te ferpesten hiene se ús krekt dêr’t se ús ha woene.

Mei de klimaatblokkades yn Amsterdam is it net oars. Extinction Rebellion riddenearret dat as de oerheid syn plicht net neikomt om de boarger te beskermjen—al is der gjin bewiis dat it tanimmen fan longsykten yn yntinsive greidbuorkerijkriten komt fan te hege fee­konsintraasjes, want oarsaken kinne jo allinne bewize mei in eksperimint en eksperimintearjen mei syktes is ûnetysk en ferbean—as dus de oerheid net sasear skiklik is as opsetlik sleau, is de boarger oanwiisd op boargerlike wanhearrigens. Mar wolle jo om jo punt te meitsjen de regels oer, dan ha jo neat oan in boargemaster dy’t gjin ferbeane plakken oanwiist. Dat ús boargemaster lit mânske ME-pelotons hektares fan ’e stêd ôfsette, om ‘swarming protests’ te kearen fan tweintich jonge famkes yn minyrokjes dy’t op in krúspunt lieten sjonge oer in skjinne ierde. Sjedêr, mei syn tweintigen op in krúspunt close harmony sjonge is in regel oer, lykas de doar út in provinsjehûs wrame. Oer de gefolgen fan de wet oergean ha wy it net—

as it oer boeren giet. Dat woansdei mei tûzenen trekkers yn ’e binnenstêd “De Haach rêstich bleau” is fredich formulearre fan de media. Wa’t de appkes en filmkes streekrjocht út De Haach krige wit wol better. It wie libbensgefaarlik en mar ien man swierferwûne is in wûnder. Mar meastal past Nederlân de wet oan syn boeren en de gefolgen fan har hâlden en dragen oan.

image Fers2
De Haach Sintraal Stasjon: Wat aids is voor de hoeren is deze regering voor de boeren

Ein 2017, nei in jier fol alarmearjende rapporten oer dong, drinkwetter, oerflakwetter en de yntinsive geitehâlderijrelatearre Q-koarts, leit Marc Calon, foarsitter fan de Lân en Túnbou Organisaasje (LTO) oan Nieuwsuur út hoe’t de yntinsive lânboulobby wurket. “Middenyn de ûnderhannelingen oer it regearakkoart hienen wy in moarnsitenôfspraak mei Mark Rutte” en alle stânpunten en belangen fan de lânboulobby naam er op ien A4ke mei; trijefearn dêrfan kaam doe yn it regearakkoart.Anne Sachtleven, ‘Schaduwmacht: wie zijn die machtige lobbyisten in Den Haag?’, Nieuwsuur, 20 desimber 2017, nos.nl/nieuwsuur/artikel/2208571-schaduwmacht-wie-zijn-die-machtige-lobbyisten-in-den-haag.html, krigen 16 oktober 2019. LTO sit yn wat se yn Brussel ‘de lânboulobby’ neame, nammentlik de organisaasje Copa-Cogeca dy’t de belangen behertiget fan tout Europeeske agraryske sektor. In foarbyld fan de kolossale ynfloed fan dy lobbyploech op de beslút­foarming is it detaillearre stimadfys dat de Partij foar de Bisten yn 2015 yn hannen foel: de lânboulobby hie it de dei foar it plenêre debat oer de loftkwaliteitrjochtline en de útstjitnoarmen maild nei alle EU-parlemintariërs. De oanskerpe noarm op ammoniak kaam der net en wylst yndustrieel metaan wol yn it noarmepakket sit, waard metaan út de lânbou útsûndere.

Yn april 2018 moast de EU beslisse oft Nederlân opnij in útsûndering (‘derogation’) foar fjouwer jier krije koe op de EU-stikstofrjochtline, sadat de Nederlânske boeren wer in stik mear dong produsearje mochten as de oare boeren yn Europa. Der wiene sterke betinkingen tsjin fernijing fan de útsûndering foar it tiidrek 2018-2021, om’t dat ûnferantwurdlik wie om twa redenen. Earst hiene de bergen dong dy’t Nederlânske bisten fuortbrochten al tweintich jier lang skea tabrocht oan miljeu en folkssûnens, en wie yn it útsûnderingstiidrek 2014-2017 de grins fan 50 mg stikstof de liter op in soad plakken yn Nederlân oergien, en hie de MER Kommisje berekkene dat mei it Nederlânske Sechsde Aksjeprogramma Nitraatrjochtline likemin ûnder dy grins bleaun wurde koe—om’t de lânboulobby tsjin it ynearsten ambisjeuze programma oanrûn wie—en waard de fosfaatgrins yn de lêste twa útsûnderingen mear kearen oergien en de ammoniakgrins struktureel, mei teminsten 15-20 persint. Twad wist net ien foar hokker part oft de sifers strike en hoefolle dong oft neist de kroade fallen wie. Al sûnt 2016 hie ús ministearje weet fan de grutskalich organisearre bargedongfraude en begjin 2018 kaam de enoarme fraude mei de kealle­registraasje foar ’t ljocht. Mar de nije útsûndering kaam der as fansels.

Nederlân is ien fan de meast fersmoargjende lannen yn Europa, mei in hegere koaldioksideútstjit per capita en in leger gebrûk fan duorsume enerzjy as hast oeral oars yn ’e Europeeske Uny, dat wie âld nijs. Op 15 febrewaris 2019 docht dan út CBS-sifers bliken dat de fosfaatproduksje fan de feehâlderij wol omdel gien is nei goed ûnder it EU-plafond. Mar de stikstofproduksje, spesjaal dy fan melkkij, wie net genôch sakke en noch boppe it plafond. As de sektor de stikstof­útstjit net binnen in healjier omdel bringt, ‘driget’ lânbouminister Carola Schouten, dan moat it feebeslach ynkrompen. LTO anderet dat minder kij ûnbesprekber is want de koboeren binne al swier genôch troffen—wat miskien wier is nei it loslitten fan it molke­kwotum, mar dat ha se dan oan ’e eigen lobby te tankjen—en fierder bart der neat nei’t it ynkrimp-wurd falt. Net ien trekker tsjocht op nei it Binnenhôf. Giet it dan eins wol om ’e stikstofmaatregels?

Och heden nee. “Glyfosaat is de wichtichste probleemstof,” seit it rapport fan it Planburo foar de Libbensomkriten (PBL) dat ôfrûne juny útkaam.Aaldrik Tiktak et al., Geïntegreerde gewasbescherming nader beschouwd: Tussenevaluatie van de nota Gezonde Groei, Duurzame Oogst (Den Haag 2019) 127. Wichtichst by de drinkwetterwinning, wurdt bedoeld, mar dat makket it der inkeld slimmer op: yn 2015 wiisde de International Agency for Research on Cancer (IARC) glyfosaat oan as potinsjeel kankerferwekkend. It publike debat lôge op, namstemear om’t de measte lannen it brûken fan glyfosaat gewoan tastienen—en noch tastean; de EU oant teminsten 2022 en Nederlân gie yn 2015 allinne oer ta it ferbieden fan net-kommersjeel gebrûk. Nei in stream fan tsjinûndersiken dêr’t faak de loft fan agraryske belange­ferfrisseling omhinne hong, kamen de rjochtlike prosessen op gong. Bayern/Monsanto, de fabrikant fan ’e út glyfosaat makke túchdeader Roundup, hat al hûnderten miljoenen dollars skeafergoeding oan kankerpasjinten betelje moatten, al ûntkenne se fjouwerkant dat kanker eat mei har túchmiddel te krijen ha kin. Minister Schouten wol it brûken fan glyfosaat wol weromkringe mar ferbiede giet neffens har te fier. “Boargers sitte yn noed, en boeren ek: se sjogge har arkkiste oan middels bedrige.”Peter Winterman, ‘Landbouwgif bedreigt drinkwater’, AD, 21 juni 2019, www.ad.nl/politiek/landbouwgif-bedreigt-drinkwater~ac95160f/, krigen 15 oktober 2019. Middels ta wát sei se net.

Mar mondiaal makket yntinsive bouproduksje in stadige groei fan rispingen en wisse oanfier mooglik. Dy wissens is noflik en al hat buorkjen altyd ferbûn west mei oanpassing, it oanpassen oan de hommelse mondialisearring en spesjalisearring—plus in ekologyske katastrofe—hat ús fluch ôfhinklik makke fan abstrakte stelsels of ekspertsystemen. By ûnwissens en temin kennis sjocht de minske earst nei de eigen fertroude ynstitúsjes. Yn it gefal fan de boeren is dat de tsjerke, famylje, de whatsappkloft; mar net nei de wittenskips­ynstellingen, docht út ûndersyk bliken, want dy stean te fier fan har ôf en se prate dêr te dreech. “Hoewol’t wittenskiplik begryp fan de klimaatferoaring stevich ferankere is—it bart, komt benammen troch minsklik hanneljen en it smyt potinsjeel earnstich gefaar op foar de minsklike mienskip en natuerlike stelsels—rint it iepenbiere begryp fan it ferskynsel wiid utinoar,” seit de sosjolooch Gordon Arbuckle.J. Gordon Arbuckle, Jr., Lois Wright Morton en Jon Hobbs, ‘Understanding farmer perspectives on climate change adaptation and mitigation: The roles of trust in sources of climate information, climate change beliefs, and perceived risk’, Environment and Behavior 47:2 (2015) 205-234, doi.org/10.1177/0013916513503832. Boeren tinke meastal dat de klimaatferoaring bestiet, al wyt in minderheid dat oan de minske. It rottige is dat boeren gewoanlik wol science deniers binne.

It Ryksynstitút foar Folkssûnens en Miljeu (RIVM) “mjit ferkeard”, sei in 18-jierrige boer dy’t woansdei mei de trekker nei de Biltske Rading teach. “As jo neist de jarrekolk steane, ha jo in hege útstjit. Mar dat is as hâlde jo in mjitlatte ûnder de ears fan immen dy’t ôfblaast.”Arjen Schreuder en Mark Lievisse Adriaanse, ‘De trekkers gaan zó om de agenten heen’, NRC, 16 oktober 2019, www.nrc.nl/nieuws/2019/10/16/de-trekkers-gaan-zo-om-de-agenten-heen-a3977075, krigen 16 oktober 2019. De RIVM-direkteur lei út wat er syn fêste kritikus, de lobbyklup Mesdag Suvelfûns, hieltyd útleit, dat it RIVM mjit neffens erkende systematyske prosedueres, gjin earsen. Likegoed wie de útkomst dat de agraryske sektor ferantwurdlik is foar sa’n 46 persint fan alle stikstofútstjit en de loftfeart foar minder as 1 persint en boppedat wurde de RIVM-sifers befêstige en oanfolle troch ûnder­siken fan it CBS, TNO, PBL, Alterra, Deltares, RWS en WUR, dy’t ek al desennialang data garje oer hoefolle stikstof alle ferkear, loftfeart en lânbou útstjitte. Mar de direkteur wegere om opnij op it poadium te kommen. Dêrmei helle er him de skuld fan alle boerelijen en yntimidaasje troch de protestlieder op ’e nekke: “Sa meitsje jo de minsken wyld.” Koartsein, salang’t de eksperts—de elite; de rânestêd—it boadskip bringe fan de negative njonkeneffekten fan de wisse rispinge & takomst, krije jo in boer net yn transysje.

image Fers2
De Haach: Noch gjin pânserhaubitser?

Wilens foarmje dy byeffekten fan agraryske wissens in gigantysk reach fan swierrichheden op ierde: in bjustere ûntbosking, ferlies fan natuerlike habitat troch de útwreiding fan agrarysk lân en yntinsi­vearring fan produksje dêrop en dêrmei ferbûn it ferminderjen fan bioferskaat, dus útstjerren fan plante- en bistesoarten. Der is boaiem­fertutearzing lykas eroazje en útputting, fersmoarging fan natuerlike wetterboarnen en risiko foar drinkwettersuverens, en klimaat­feroaring mei perioaden fan droechte dy’t skealik is foar de sûnens, ekology en ekonomy. Der is fermindere folkssûnens troch loftfersmoarging en gebrûk fan pestiside (‘gewaaksbeskerming’) en antybiotika dy’t yn ’e omkriten bedarje. Der is in heger risiko op kanker en oare earnstige syktes troch konsumpsje fan fiedsel dat komt út yntinsive bougebieten, want neist sikehuzen is de feefokkerij in grut reservoir fan oerdraachbere antybiotikaresistinte genen en troch itensprodukten kinne resistinte baktearjes maklik by de minsken komme; it debat giet no benammen oer it brûken fan antybiotika as groeifuortsterkers, dy’t bêst ôfboud wurde kinne om’t de bisten sûn binne. In oar gefolch is minder romte foar ynklusyf, sirkulêr buorkjen—de yntinsive agrikultuer snijt syn eigen paad werom ôf.

In oar syn paad ek. Om de trekkers alle romte te jaan (‘fasili­tearjen fan it opkommen foar de belangen fan de beropsgroep’) kearde de plysje it publyk út de wyk om it Ljouwerter provinsjehûs hinne. In bewenner koe nei de wurkdei net nei hûs ta. Op in stuit mocht se wol yn ’e hûs om te sliepen en sa, mar de oare deis koe se der net mear út om nei de bakker, om’t der alwer plysje foar de doar lei; de boeren woene graach opnij har demonstraasjerjocht brûke. Want it gie, ek yn Ljouwert, net om stikstof noch om klimaat. Ommers, Schouten hie nei Remkes syn stikstofadfys dalik sein dat der gjin radikaal snijen yn it feebeslach komt; dat adfisearret Remkes ek just net. Fierder hoecht gjin boer te panykjen oer klimaatbelied salang’t LTO de regearakkoarten byinoar lobbyt—it drigemint fan LTO dat sysels en de Produsinte Organi­saasje Bargehâlderij (POV) alle bannen mei it ministearje ferbrekt as Schouten net foar 1 novimber har plan foar in útkeapregeling fan boeren weromlûkt, resonearre net bot; VVD, CDA, ChristenUnie en SGP stypje de boeresaak fan âlds, prinsipjeel en tsjin better witten yn. Ek hie fisepremier Hugo de Jonge fan it CDA krekt sein dat De Haach it strange provinsjale stikstofbelied ôfkart en se soene de provinsjes, ek Fryslân, echt wol efkes oan ’e (ûntbrekkende) wet hâlde. Wêr’t it om gie wie boerebyldfoarming.

“Wy binne gjin bistemishannelers en miljeufersmoargers; wy hawwe hert foar ús bedriuw,” skreaune de protestorganisators op ien fan har websides. “Dit giet om ús famyljes, ús takomst, de takomst fan ús bern. It is om ús manier fan libjen,” sei skieppeboer/protestlieder Bart Kemp woansdei tsjin de mannichte yn De Haach. “Der moat mear wurdearring komme út de mienskip, oerheid en polityk wei. Dêr wol ik my hurd foar meitsje,” fertelde Schouten de boeren op 1 oktober, “út de djipte fan myn hert wei: ik bin grutsk op jimme.”Thomas Borst, ‘Minister Schouten belooft boeren: ‘Er komt geen halvering van de veestapel’’, de Volkskrant, 1 oktober 2019, www.volkskrant.nl/nieuws-achtergrond/minister-schouten-belooft-boeren-er-komt-geen-halvering-van-de-veestapel~b5afd0c2/, krigen 1 oktober 2019. Op 16 oktober, wylst de trekkers de sneldiken opstoppe, rjochtet Caroline van der Plas yn Dimter in politike partij op, de Boerboargerbeweging (BBB). “It” fielt as ûnrjocht, seit se: “Kom gewoan ûnder ’t begryp hoe wichtich oft de boer is en dat wurdt gewoan net sjoen.”‘Dit zit er achter de boerenprotesten’, NRC-podcast, NRC, 16 oktober 2019, www.nrc.nl/nieuws/2019/10/16/boerenprotest-bij-rivm-trekkers-blokkeren-snelweg-rondom-utrecht-a3976901, krigen 16 oktober 2019. Mar as boeren inkeld en allinne bekend stean as lilke minsken op in trekker—dat falt trouwens ta: se stean ek bekend as organisearre ‘no farmers no fraud’-kriminelen—krije se gjin sympaty by de rest fan de befolking, dêrom sil de BBB alles goed dwaan dat de LPF, PVV en FvD ferkeard dogge.

Rjochtspopulisme dus: neffens elektoraal geograaf Joost de Voogd hawwe by de lêste ferkiezingen boeren benammen stimd op FvD. Dy kinne no op in eigen partij stimme sadat de BBB wol fiif, seis keamer­sitten helje kin. Caspar van den Berg, heechlearaar bestjoerskunde, tinkt dat ek de ‘boargers’ út de krimpregio’s wol ris en masse op de BBB stimme kinne, út it gefoel fan efterstelling wei, dat er it perifery-sintrumferskil neamt. Sa koe de plysje it ferskil tusken de sintrumers, dy’t troch it kordon hinne it Binnenhôf op mochten, en de boeren, dy’t steande holden waarden, maklik sjen, want de boeren hiene gjin suêde skuon oan. Los fan de earnst en oarsaken fan stereo­typearring, it gefoel fan net-oansluten fan boeren mei de rest fan de maatskippij libbet net spesjaal op de hast 54 tûzen pleatsen yn Nederlân; it is in ynternasjonale klacht. Minsken dy’t harsels sjogge as part fan in eftersteld skift, hawwe earder in ûnrealistysk leauwe yn de grutme fan har folk en stypje earder populistyske ideologyen, sa lit ûndersyk sjen.

Net ekonomyske ûngelikens mar kulturele ûnwissens, de eangst dat immens kultuer bedrige en marzjinalisearre wurdt, is in oantrún ta populisme. Us maatskiplike kultuer feroaret alle dagen. De measte konservativen sille dêr likegoed wiis mei wêze, it libben is no in stik better foar froulju en gays en de ûnbehoarlike provinsjebestjoerders komme net langer yn it skavot. Mar guonlju sjogge werom nei tiden dêr’t se—fan tinke dat se—wis wêze koene dat har kultuer dominant wie en gelyk bleau foar har bern en bernsbern, en hja binne bang dat de nije generaasje oars—dus minder—opgroeit as sysels. Al bin ik it mei dat pessimisme ûniens, it is in earlike fisy en better ûnderboud as in lykkiste mei ‘Jesse’ op in trekker. De kulturele doem wurdt it sterkst field—perifery-sintrum is in te territoriale foarstelling fan saken—yn mienskippen dy’t tradisjoneel stimden foar partijen dy’t it hjoed drok hawwe mei oare efterstelde skiften, de migranten, sadat de boeren út sicht rekken. Dan wurde de tradisjonele partijen samar sjoen as de fijân. Dêrom ‘Defense Force’: de ea dominante kultuer leit ûnder fjoer. Mar populisme is gjin oplossing. Dat is de polityk fan “ja” sizzen, “ja, helden”, en selden fan “nee.”

Noaten

  1. ‘Defensie sluit woensdag wegen Den Haag af om boerenprotest’, De Telegraaf, 15 oktober 2019, www.telegraaf.nl/nieuws/1239575716/defensie-sluit-woensdag-wegen-den-haag-af-om-boerenprotest, krigen 15 oktober 2019.
  2. Boereprotestorganisator Jeroen van Maanen. Yn Arjen Schreuder en Mark Lievisse Adriaanse, ‘De trekkers gaan zó om de agenten heen’, NRC, 16 oktober 2019, www.nrc.nl/nieuws/2019/10/16/de-trekkers-gaan-zo-om-de-agenten-heen-a3977075, krigen 16 oktober 2019.
  3. Anne Sachtleven, ‘Schaduwmacht: wie zijn die machtige lobbyisten in Den Haag?’, Nieuwsuur, 20 desimber 2017, nos.nl/nieuwsuur/artikel/2208571-schaduwmacht-wie-zijn-die-machtige-lobbyisten-in-den-haag.html, krigen 16 oktober 2019.
  4. Aaldrik Tiktak et al., Geïntegreerde gewasbescherming nader beschouwd: Tussenevaluatie van de nota Gezonde Groei, Duurzame Oogst (Den Haag 2019) 127.
  5. Peter Winterman, ‘Landbouwgif bedreigt drinkwater’, AD, 21 juni 2019, www.ad.nl/politiek/landbouwgif-bedreigt-drinkwater~ac95160f/, krigen 15 oktober 2019.
  6. J. Gordon Arbuckle, Jr., Lois Wright Morton en Jon Hobbs, ‘Understanding farmer perspectives on climate change adaptation and mitigation: The roles of trust in sources of climate information, climate change beliefs, and perceived risk’, Environment and Behavior 47:2 (2015) 205-234, doi.org/10.1177/0013916513503832.
  7. Arjen Schreuder en Mark Lievisse Adriaanse, ‘De trekkers gaan zó om de agenten heen’, NRC, 16 oktober 2019, www.nrc.nl/nieuws/2019/10/16/de-trekkers-gaan-zo-om-de-agenten-heen-a3977075, krigen 16 oktober 2019.
  8. Thomas Borst, ‘Minister Schouten belooft boeren: ‘Er komt geen halvering van de veestapel’’, de Volkskrant, 1 oktober 2019, www.volkskrant.nl/nieuws-achtergrond/minister-schouten-belooft-boeren-er-komt-geen-halvering-van-de-veestapel~b5afd0c2/, krigen 1 oktober 2019.
  9. ‘Dit zit er achter de boerenprotesten’, NRC-podcast, NRC, 16 oktober 2019, www.nrc.nl/nieuws/2019/10/16/boerenprotest-bij-rivm-trekkers-blokkeren-snelweg-rondom-utrecht-a3976901, krigen 16 oktober 2019.

Fers2 nû. 5.15, 6 oktober 2019

Wy en us kij

Oer de trekkers fan Boxtel, de tinkrjochting fan D66 en it tasizzen fan Schouten

image Fers2

Se fiele har feroardiele, ûnbegrepen, tekoart dien, gjinien hat him yn har ferpleatst en wat se emosjoneel trochmeitsje is dat it har stekt. Har bekrûping yn dy omstannichheid is om yn triennen út te spatten, harsels werom te lûken, of der just op ôf te gean wylst se, yn de oertsjûging fan it eigen gelyk, harsels opblaze mei lilkens. Gûlen drukt klear en dúdlik út dat se op it sear kommen binne. Mar lilk wurde, as antwurd op it ûnderstelde gefaar foar de ego, it mis­ledigjen of ûnrjocht, is in wanhopich besykjen om it sear wei te muozjen en de triennen binnen te hâlden. Likegoed sille se de oplôgjende emosjonele steat net sa gau rasjoneel uterje. Want dat easket adekwaat útgroeid gefoelsark om mei de pine omgean te kinnen. Net allinne hawwe se minder fermogen om it sear te begripen, mar ek om it mei te dielen. Dêrom wurdt it gefoel earder oerdreaun “acted out”, oft dat no troch âljen, grinen, razen of skriemen is; de iennichste manier om de gefoelens te fernijen is se goed sichtber foar de wrâld út te stallen, want sa is de dynamyk fan lilkens by beukers.

Se hoegden hielendal net nei it Malyfjild yn De Haach, dy moandei 1 oktober. Om in oere as ien middeis berjochte de BBC dat der 1.100 kilometer file stien hie op de Nederlânske diken, “Dutch tractor protest sparks ‘worst rush hour’.” Oardel oere letter al, om healwei trijen, rôpen twa Frânske boerefakbûnen in blokkade fan ’e drokste ferkearsrûtes út op 8 oktober. Wêrom soene jo foar in protest tsjin it lânboubelied fan Frankryk noch yn in giel heske hielendal nei Parys ta, as in in sleep trekkers op ’e sneldyk sette itselde effekt hat?

Wat dat effekt is, is trouwens oan alle kanten twifeleftich. De NOS stuts in kamera troch in autorút by immen dy’t sei dat, al stie er al in oere stil op ’e dyk, hy sympatisearre mei de boeren! Mar yn it sikehûs sei in man mei in artistyk laamswol sjaaltsje wat oars: dat er graach yn ien kear nei hûs ta ride woe. As jo moarns nei in soad stress krekt op ’e tiid neist it bêd fan jo partner stean, of op ’e gong ûnder in lange behanneling, ha jo gjin sympaty mei in dyk grôtfol trekkers. Oft de boeren krigen hiene wat se hopen, woe hy mei it sjaaltsje net witte, sei er. In beskaafd folk ferskilt fan in ûnbeskaafd folk, net allinnich troch in libben mei minder hulten en bulten, mar ek troch noed foar de manier sa’t minsken mei inoar omgean. It is kontra­produktyf foar in naasje om de foarstanners fan status quo trochgean te litten mei it lân út te brûken. Dat is ûnrjochtfeardich en ek deagewoan ûnbeskaafd. En jûns kaam Greta Thunberg dochs wer yn it nijs. Dy is sa mediasjenyk, dêr kin gjin gigameter file tsjinop.

Har tekst is ek better. Boe roppe nei D66-lânbouwurdfierder Tjeerd de Groot—“Vroeger dacht ik dat het de koeien waren die op de boerderij ‘boe’ zeggen, maar het zijn dus de boeren die loeien”, seit Marcel van RoosmalenMarcel van Roosmalen, ‘Buigen voor de boer’, NRC, 1 oktober 2019, www.nrc.nl/nieuws/2019/10/01/buigen-voor-de-boer-a3975228, krigen 1 oktober 2019.—dêr wurde jo net wizer fan. De tich deadsbedrigingen oan De Groot wiene hielendal ûnsinnich. Elkenien wit dat boeren fierste sunich binne om 2 oant 5 tûzen euro te beteljen foar in kânsearm jongminsk. Mar foar wa’t it dus allegearre net witte woe, efkes rekapitulearje:

Neffens it Europeeske Hôf fan Justysje gie Nederlân de wet oer. Us Programma Oanpak Stikstof (PAS) nammentlik, gie sa. In projekt mocht stikstof útstjitte, ek lykby in beskerme natuergebiet, as se mar taseine dat dy útstjit yn de takomst kompinsearre wurde soe. Handich, mar net te ferienjen mei de Europeeske Habitatrjochtline, oardiele de Rie fan Steat ein maaie en fage de PAS fan tafel. De direkteur fan de natuerferiening It Fryske Gea wie optein. Op ’e lange termyn, tocht er, soe skrassen fan ’e PAS knap útpakke foar de Fryske natuer, om’t dat yn ien klap goed 18.000 wentebou- en dike­bou- en oare projekten yn it hiele lân oardel jier lang ta in ho brocht. Gemeenten wiene by har bestimmingsplannen en ryk/provinsjes by har ynpassingsplannen útgien fan de PAS dy’t no yn ’e fersnipelder lei. Yn Fryslân kamen troch de stikstofútspraak fan de Rie fan Steat sa’n 1714 projekten yn ’e limbo te bongeljen.

It optsjepjen fan ’e Ofslútdyk, begûn op 1 april, waard mei weromwurkjende krêft in grap, it dykferswierjen op Flylân lei stil, it oansluten fan it mynbouplatfoarm foar de kust fan it Amelân op it sintrale Amelânske enerzjynet gie net troch, granatefiskerij en gaswinnen op ’e Noardsee en Waadsee soe ek ynienen tefolle stikstof útstjitte, it proefboarjen nei gas yn Noardwolde koe net syn beslach krije, op de Ljouwerter fleanbasis lei al it útwreidzjen stil en de militêre oefengebieten fan Definsje op ’e Lauwersmear en Flylân mochten net fierder.

De moanne juny giet om, mooglik oan efterdoarkes iepenwrikken en kop yn ’t sân. Dat der gjin bestjoerlike reaksje komt sil it CDA yn Snits opfetsje as benign neglect en jout yllegaal boufergunningen ôf. De populisten PVV / FvD lizze it út as De Haach skouderet ús werris. Krekt yn july jout minister Carola Schouten fan Lânbou, Natuer en Itenskwaliteit oan in adfyskolleezje Stikstofswierrichheden—as woe it stikstof net om lyk—ûnder lieding fan âldminister Johan Remkes de opdracht om fleanende hurd út te sykjen hoe’t de oerheid omgean moat mei de útspraak fan de Rie fan Steat. Al moatte Remkes et alii mei alle nigethawwers prate, it adfys moat yn twa moannen klear.

De tarieding derta hie lykwols allang klear lizze kinnen. Op 17 maaie 2018 frege de ôfdieling bestjoersrjochtspraak fan de Rie fan Steat oan it Europeeske hôf oft de PAS wol foldocht oan de Habitat­rjochtline. Op 7 novimber 2018 andere it hôf dat it inkeld foldocht ûnder strange betingsten en mei dy útspraak gie de Rie fan Steat dalik fierder. Der is mar ien ferklearring dat Schouten ûnderwilens net oan ’e gong gie—krekt op 16 septimber 2019 soe har nije rekkenmiddel foar stikstofútstjit der komme en dy soe inkeld noch brûkber wêze foar in part fan ’e bouprojekten—en dat is dat hja as grutske boeredochter mar ien útkomst fan it rjochtlik ûndersyk fan de Rie fan Steat fisualisearje koe: dat de PAS wol om de boeren hinne rjochtpraat wurde soe.

Twa moannen lit faak in held tiid by ’t soad om de smjunt te ûntmaskerjen en de prinses te rêden. Oars hie Remkes wol nee sein. Mar der is in subplot. Dat hat in dúdlik doel yn it hiele ferhaal, it ûntbleatet essinsjele ynformaasje, ferheget de ynset op it sintrale plot en bekrêftiget fansels de kaaitema’s yn it drama en… it is allerminst wis oft ús held der eigentlik wol fan ôf wit. Op moandei 13 maaie hiene twa bargeboeren by Boxtel de Farmers Defence Force oprjochte.

Earder dy dei hawwe biste-aktivisten in bargehâlderij beset. De plysje hie neat dien, sizze de bargeboeren, of alteast gjin haast makke. Se lige net; yn Nederlân hat de plysje de wetlike plicht om te de-eskalearjen. Dat tenei moatte boeren harsels beskermje kinne, beslute de twa bargehâlders. Se stelle in Facebook-skift en in Whatsapp-ploech yn, sadat se inoar om help freegje kinne. As der wat te rêden is, sette se der meiinoar op ta, net om te fjochtsjen mar om it slachtoffer in hert ûnder de riem te stekken. Want se binne tsjin geweld: “We gaan puur een tegendemonstratie organiseren om te laten zien dat we samen staan.”Niels Kalkman, ‘Boeren weren zich: Farmers Defence Force opgericht’, De Telegraaf, 16 maaie 2019, www.telegraaf.nl/nieuws/3600011/boeren-weren-zich-farmers-defence-force-opgericht, krigen 1 oktober 2019. Har profylfoto op Facebook is fan in auto fan in biste-aksjefierder, dy’t de Farmers Defence Force op ’e kop yn in sleat treaun hat. It Facebookjen rint dalik flot fan ’e trie. Op woansdei giet der al sa’n praat oer nije aktivisten dat de plysje massaal optsjocht, om út te finen dat de berjochten net strike.

Van Roosmalen seit dat de Farmers Defence Force op de sosjale media petearje oer Swarte Pyt en de sneldykblokkearders, dêr’t se foar binne, en ‘loksikers’ & bûrka’s, dêr binne se tsjin. De Face­book-side stiet op privee, sa’t dat giet: ûnnocht mei wet/oarder+bestjoer en yn sletten klibers waakst it figilantisme fierder tusken de bargen.

Sa wurdt it 9 septimber. It adfys is offisjeel noch net klear. Stikstofswierrichheden sil krekt oardel wike letter lekke nei de krante. De Groot hat in rûtinepetear mei it AD. Net ûnferwacht, ommers it D66-kiesprogram is ûndûbelsinnich oer it krimpen fan it feebeslach mei it each op klimaat en bistewolwêzen, seit De Groot dat de feeboeren dermei ophâlde kinne of oerstappe nei de duorsume lânbou. Want de oerheid kin helpe, der is jild, pak dy kâns. Yntinsive greid­buorkerij, seit er, draacht minder as 1 persint by oan ’e nasjonale ekonomy, wylst de hiele lânbou, dêr’t de greidbuorkerij in grut part fan is, soarget foar 70 persint fan de stikstofútstjit. Dat is flink út lykwicht. Om it stikstoffraachstik op te lossen moat it beslach de helte lytser.

De boeren swolgje de triennen fan ûnrjocht yn, lûke har werom op Facebook en Whatsapp en âlje breinroer. De Groot kin net rekkenje. Lânbou beskermet just tsjin tefolle stikstof. Gjin boer, gjin iten. It ryksynstitút foar folkssûnens en miljeu (RIVM), dat de stikstofútstjit omsiferet nei stikstofdelslach en dy hifket oan doelen, kin likemin rekkenje. Boppedat bedonderje se de boel. Want offisjele stikstofmjittingen litte in sakjen sjen. Mar it RIVM nimt meunsters yn Natura2000-gebieten, dêr’t altyd guon fan stikken gean of kwyt reitsje en dochs telle se de buiskes dy’t fuort binne mei yn ’e rekken­som, oan ’e hân fan in oanname, seit de foarsitter fan de lobby­stifting Mesdag Suvelfûns. “En dan toont de stikstofconcentratie in de natuur opeens wel een stijging.”Wouter Baan, ‘Mesdagfonds eist inzage in stikstofberekening’, Boerenbusiness, 23 septimber 2019, www.boerenbusiness.nl/mest/artikel/10884094/mesdagfonds-eist-inzage-in-stikstofberekening, krigen 1 oktober 2019. De foarsitter fan ’e lânboukoepel LTO bekleit him oer it komplot fan jierrenlange kwealaster troch ekstremistyske bistewolwêzenorganisaasjes tsjin de greidboeren. “Op een gegeven moment is het genoeg. En dat moment is bereikt. Het is ronduit schandalig wat er gebeurt.”Farmers Defence Force, g.d., farmersdefenceforce.nl, krigen 1 oktober 2019.

D66-fraksjefoarsitter Rob Jetten relativearret dat de helte fan it fee ôf dwaan gjin plan wie fan syn partij, mar in ‘tinkrjochting’. Hy hat dúdlik gjin beukers thús dy’t wolris net krije wat se ha wolle. Fan de boeren hoecht Remkes syn adfys no net mear. As dat komt op 25 septimber hat de Farmers Defence Force allang de trekkerfloat optúgd.

It wie net sa dat wy fan neat wisten. Yn 2011 komt der in programmatyske oanpak foar stikstofrelatearre fergunningen, nei oanlieding fan it “vastlopen van de vergunningverlening Natuur­beschermingswet.”M.E.A. Broekmeyer, M.E. Sanders en H.P.J. Huiskes, Programmatische Aanpak Stikstof: Doelstelling, maatregelen en mogelijke effectiviteit (Wageningen: Alterra Wageningen, 2012) 7. Stikstof foel bûten de probleemidentifikaasje. Troch de Natura2000-gebieten wie der temin ekonomyske ûntjouwingsromte en dát wie lestich. Mar de kommisje foar de miljeueffektrapportaazje (MER) konkludearret op 30 juny 2011 dat foar in PAS dy’t yn ’e praktyk te dwaan is en ek effektyf is noch bealge wurde moat. Want de PAS seit net hokker kompinsaasje der foar ekonomyske aktiviteit komme moat om te foldwaan oan de Habitatrjochtline, en ek net wannear’t dy kompinsaasje komme moat. Yn 2012 warskôget de kommisje MER opnij dat de PAS net doocht en dat de natuergebieten opbetterje moatte foar’t jo der ekonomyske projekten neist opsette kinne. Mar lânbousteatssekretaris Henk Bleker drukt de PAS der troch, mei leagen en mislieding, dat de PAS neffens de nijste wittenskiplike ynsjoggen is, peer reviewed en sa. Fan dan ôf giet it mei de natuergebieten hurd minder. Mar dat fernimt net ien oant Remkes der nei sjen litte sil (en kjel wurdt).

Wilens leit wol it RIVM it iene nei it oare beliedsûndersyk yn De Haach del. Trou as in hûntsje fjochtet Mesdag dy hieltyd oan mei in tsjinrapport út Wageningen, dat dan itselde seit mei op details in slachje mear om ’e earm. Ek de ûnôfhinklike wittenskip docht de lêste jierren flink ûndersyk nei de útstjitboarnen fan broeikasgassen, tink allinnich al oan de steapels artikels, rapporten en Europeeske benchmarks fan Hans van Grinsven fan it Planburo foar de Libbens­omkriten. Yn 2016 sei er lûd & klear dat it grûn- en oerflakwetter wol ferbetteret, dus minder stikstof befettet, mar dat de beliedsdoelen net helle wurde sille. Yn guon regio’s, konkludearre er, wie “in politike kar needsaaklik tusken ekology en konkurrearjende agrikultuer.”Hans van Grinsven, Aaldrik Tiktak en Carin Rougoor, ‘Evaluation of the Dutch implementation of the nitrates directive, the water framework directive and the national emission ceilings directive’, NJAS - Wageningen Journal of Life Sciences 78 (2016) 69-84, doi.org/10.1016/j.njas.2016.03.010. Gerard Velthof en Rene Rietra, fan Wageningen, meitsje yn 2018 mei kleurige plaatsjes oanskôglik hoe’t wolken fan it broeikasgas stikstofokside, dat mondiaal 6 persint fan de broeikasútstjit útmakket, de oazon ôfbrekke. Lânbou, en dêrby yndirekte útstjit fan N2O—distikstofmonokside, laitsgas—beslacht 75 persint fan de N2O-útstjit meiinoar. De wichtichste mondiale boarne fan N2O-útstjit binne dongjen fan ’e greiden en syntetyske dong. De Feriene Naasjes hiene dat nammers al gewoan mei letters sein, yn Rome, 2013.

It deiblêd Trouw hâldt it grutste nasjonale opinyûndersyk ea ûnder boeren, ‘De Staat van de Boer’ 2018; it lit sjen dat ‘de’ boer tinkt dat syn hiem oerwreide wurdt troch de boaze bûtenwrâld. Elkenien is tsjin har. De Algemiene Rekkenkeamer komt op 20 juny, krekt as de Twadde Keamer prate sil oer de útspraak fan de Rie fan Steat, mei in rapport dat it groeiend feebeslach, nei it opheffen fan it molkekwotum, noch mear útstjit fan stikstof, ammoniak en fosfaat opsmiten hat. Troch tefolle stikstof ferdwine beskerme planten en poddestuollen, gean fisken dea en oerwoekerje broeiers en gers de natuer. Dochs naam de oerheid bewust it risiko fan hegere útstjit, seit de Rekkenkeamer, en hat no de kontrôle oer it probleem ferlern. Schouten reagearret amper. Se hie al sein dat it beslach net ynkrimpe net har doel wie.

Dat, wat wie der nij yn it adfys dat op 25 septimber kaam? Dat Remkes de hertewinsk fan syn eigen partij, de VVD, oersloech en de maksimumgong op ’e sneldiken omdel ha wol! Dêr seach ik fan op, jo net? De riddenearring is dat minder hurd riden files tefoaren komt en files jeie in bats stikstof de loft yn—de empiry fan 1 oktober hat sjen litten dat dat net opgiet as de gong op syn heechst 30 kilometer it oere is—mar ek minder hurd an sich kin in grut effekt hawwe op stikstof- én fynstofútstjit. De sûnens fan organismen giet dalik omheech, fan ús en ús kij. Wa wol dat no net?

Dion Graus fan de PVV is mâl mei bisten. De bioyndustry opheffe—net de helte sa’t De Groot útstelt, de softie, mar 100 persint—stie altyd yn it PVV-kiesprogram. Yn 2015 tsjinne de PVV sels in moasje yn foar ôfbouwen fan de bioyndustry. Bioyndustry, foar alle dúdlikens, is agrikultuer as yndustry, de praktyk dy’t Nederlân de twadde lânboueksporteur op ierde makket, mei yn 2018 in útfier fan 65 miljard euro’s oan molke, fleis, griente ensafuorthinne. De boeren klopje harsels op ’t boarst as Tarzan: Nederlân jout de wrâld te iten! Bleker sei it ek altyd en no wer: it binne de natuergebieten dy’t it minskdom yn gefaar bringe.

Dat is ûnwier: fan it measte nôt dat se hjir produsearje meitsje se feefoer. Skaalfergrutsjen yn ’e lânbou hat laat ta in “sjocht” nei hieltyd hegere produksje foar hieltyd minder jild en wurkoeren en dêrút wei komt in “perferse prigel”, sizze klimaateksperts. Se wize op it “sirkus” fan skelmjende boeren en kontrolearjende oerheid om ’e ûnbedimbere dongfraude en ferbean antybiotikabrûken hinne;Jaap Schröder, Hans van Grinsven, Jules Bos, Hein ten Berge, Bert Smit, Jan Willem Erisman, ‘Nederlandse landbouw is helemaal geen lichtend voorbeeld voor de wereld’, de Volkskrant, 1 maaie 2018, www.volkskrant.nl/columns-opinie/nederlandse-landbouw-is-helemaal-geen-lichtend-voorbeeld-voor-de-wereld~b413d634/, krigen 1 oktober 2019. de stâlbrânen neame se wyslik net. Yn ’e earste helte fan 2019 wiene dat der al sechstjin. Tûzenen hinnen, bargen, kij en keallen kamen om yn it fjoer. Brânfeilich meitsjen fan stâlen kostet jild dat jo net samar weromsjogge yn in hegere produksje, mar de oerheid docht dizich oer de brânoarsaak. Schouten docht sels dizich oer it gefolch: “Stalbranden zijn vreselijk. Zowel voor de dieren als voor de ondernemer.” It sirkus ferlitte kin ek, al is de iennichste manier: transysje nei ynklusive lânbou.Jacomien Voorhorst, ‘ ‘Landbouw heeft nog geen grip op stalbranden’ ’, Nieuwe Oogst, 13 septimber 2019, www.nieuweoogst.nl/nieuws/2019/09/13/landbouw-heeft-nog-geen-grip-op-stalbranden, krigen 1 oktober 2019.

“We bekijken alles. We hebben geen taboes,” sei premier Mark Rutte. Tafallich wie it middenyn ’e Global Climate Strike-wike. Rutte wie sels op 23 septimber yn New York op de Feriene Naasjes Climate Action Summit. Hy hie lykwols Greta Thunberg har taspraak net heard, sei er, want hy moast op dat stuit krekt prate mei parse. De klimaatstaking fan tsientûzenen minsken yn De Haach, ûnder de ministerrie fan 27 septimber, hie er wol yn ’e fierte sjoen. Mar efkes werom nei it taboe, sei it AD, dizze stikstofympasse hiene jimme dochs tefoaren komme kinnen as it kabinet der njoggen jier lyn better om tocht hie? “Dat”, andere Rutte, “heeft niet zo heel veel zin dat we nu heel erg calvinistisch gaan terugkijken nu al.” Dat it AD frege takomstrjochte fan Wat kinne jo sizze om de boeren gerêst te stellen? “Niets nu”, sei Rutte.‘Letterlijke tekst persconferentie na ministerraad 27 september 2019’, Rijksoverheid, 27 septimber 2019, www.rijksoverheid.nl/documenten/mediateksten/2019/09/27/letterlijke-tekst-persconferentie-na-ministerraad-27-september-2019, krigen 1 oktober 2019. It kabinet, oftewol de premier, soe mei in reaksje op it adfys komme krekt foar of op bistedei.

Mar nei it koalysjeoerlis fan 30 septimber wol Rutte leafst mei gjinien prate: “Als we eruit zijn deel ik u dat mede, maar ik zeg nooit iets tussentijds.”‘Stikstofcrisis: oplossing nog ver weg, onvrede in coalitie over Schouten’, RTL-Nieuws, 30 septimber 2019, www.rtlnieuws.nl/nieuws/politiek/artikel/4867211/onvrede-coalitie-maximumsnelheid-inkrimping-veestapel-stikstof-pas, krigen 1 oktober 2019. Dat witte wy wol; by de flechtlingekrisis sei Rutte net allinne tuskentiids neat, mar ek foar en nei en feitlik hiel 2013 sei Rutte neat. Op it Malyfjild op 1 oktober is er der ek net. Dêr stiet Schouten dy’t har populêr makket mei har wilens húsrieme tasizzing: “Zolang ik minister ben, wordt de veestapel niet gehalveerd.” Ferromme koertse de boeren foar bier en ferbruorring nei de Haachske kroegen. In dei letter giet it praat dat se op 29 oktober mei har trekkers Schiphol besette sille. Mar de webside fan de Farmers Defence Force hat gjin nijs oer 1 oktober, lit stean oer in nije trekkerferdigening fan de skansearre ego’s.

Noaten

  1. Marcel van Roosmalen, ‘Buigen voor de boer’, NRC, 1 oktober 2019, www.nrc.nl/nieuws/2019/10/01/buigen-voor-de-boer-a3975228, krigen 1 oktober 2019.
  2. Niels Kalkman, ‘Boeren weren zich: Farmers Defence Force opgericht’, De Telegraaf, 16 maaie 2019, www.telegraaf.nl/nieuws/3600011/boeren-weren-zich-farmers-defence-force-opgericht, krigen 1 oktober 2019.
  3. Wouter Baan, ‘Mesdagfonds eist inzage in stikstofberekening’, Boerenbusiness, 23 septimber 2019, www.boerenbusiness.nl/mest/artikel/10884094/mesdagfonds-eist-inzage-in-stikstofberekening, krigen 1 oktober 2019.
  4. Farmers Defence Force, g.d., farmersdefenceforce.nl, krigen 1 oktober 2019.
  5. M.E.A. Broekmeyer, M.E. Sanders en H.P.J. Huiskes, Programmatische Aanpak Stikstof: Doelstelling, maatregelen en mogelijke effectiviteit (Wageningen: Alterra Wageningen, 2012) 7.
  6. Hans van Grinsven, Aaldrik Tiktak en Carin Rougoor, ‘Evaluation of the Dutch implementation of the nitrates directive, the water framework directive and the national emission ceilings directive’, NJAS - Wageningen Journal of Life Sciences 78 (2016) 69-84, doi.org/10.1016/j.njas.2016.03.010.
  7. Jaap Schröder, Hans van Grinsven, Jules Bos, Hein ten Berge, Bert Smit, Jan Willem Erisman, ‘Nederlandse landbouw is helemaal geen lichtend voorbeeld voor de wereld’, de Volkskrant, 1 maaie 2018, www.volkskrant.nl/columns-opinie/nederlandse-landbouw-is-helemaal-geen-lichtend-voorbeeld-voor-de-wereld~b413d634/, krigen 1 oktober 2019.
  8. Jacomien Voorhorst, ‘ ‘Landbouw heeft nog geen grip op stalbranden’ ’, Nieuwe Oogst, 13 septimber 2019, www.nieuweoogst.nl/nieuws/2019/09/13/landbouw-heeft-nog-geen-grip-op-stalbranden, krigen 1 oktober 2019.
  9. ‘Letterlijke tekst persconferentie na ministerraad 27 september 2019’, Rijksoverheid, 27 septimber 2019, www.rijksoverheid.nl/documenten/mediateksten/2019/09/27/letterlijke-tekst-persconferentie-na-ministerraad-27-september-2019, krigen 1 oktober 2019.
  10. ‘Stikstofcrisis: oplossing nog ver weg, onvrede in coalitie over Schouten’, RTL-Nieuws, 30 septimber 2019, www.rtlnieuws.nl/nieuws/politiek/artikel/4867211/onvrede-coalitie-maximumsnelheid-inkrimping-veestapel-stikstof-pas, krigen 1 oktober 2019.

Fers2 nû. 5.14, 22 septimber 2019

Psy-fi

image Fers2

Altyd tocht dat sjamanen de grinzen tusken tiid en plak opheffe kinne, nei de hege en lege wrâlden reizgje en it Sels útwreidzje nei wêr’t se mar wolle? Wat wit. Mar it Psy-Fi A Shamanic Experience Festival astraal projektearje nei it Ljouwerter natuer- & rekraaasjegebiet De Griene Stjer, dat bliek ûnmooglik.

Twa moannen nei it sjamanistysk Psy-fifestival, yn oktober 2018, publisearre stifting Groene Ster Duurzaam (GSD) op syn webside in oersjoch fan de skatte kosten dy’t de gemeente Ljouwert makke hat om Psy-fi en twa lytsere festivals te fasilitearjen yn De Griene Stjer. Dy skatting is behoarlik konservatyf, seit GSD. Dochs komme de kosten op tusken de 250.000 en 350.000 euro. Der soene baten foaroer stean fan net mear as 15.000 euro. En dêr bleau it net by.

Fan ’t simmer, july 2019, in wike foar’t de rjochter útspraak dwaan soe oer boaiemprosedueres tsjin lûdsûntheffingen dy’t de gemeente yn 2018 ôfjûn hie, drige Psy-fi dat se nei 2019 út Ljouwert fertrokken. Tefolle gedoch mei fergunningen. Nedich binne in evenemintefergunning, auteursrjochten foar eftergrûnmuzyk (+ billike fergoedingen foar útfierders en produsinten), in fergunning foar it pleatsen fan tinte, poadium en tribune, in fergunning foar slutingstiid nei 22 oere, in taapfergunning, in fergunning foar it skinken fan sterke drank, fergunningen en erkenningen foar it klearmeitsjen fan iten, eventueel in fergunning foar profesjoneel fjoerwurk ôfstekken, in ûntheffing fan de Wet natuerbeskerming, in omkritenfergunning foar lûdsoerlêst, ferplicht mjitten fan it tal desibels, en foar eveneminten mei serieus lûd de ferplichting om earbeskermers út te dielen. Ljouwert tocht noch net om it lûd doe’t Psy-fi yn 2014 foar ’t earst yn De Griene Stjer kaam. Nei massale klachten ornearre de rjochter dat de gemeente wol lûdsmjittingen dwaan moast yn ’e Psy-fi 2015-edysje. Om lûdsmaatregels koe Ljouwert net hinne. Dêrom rôp Psy-fi yn 2015 al Wy gean fuort! Mar ynienen leine se har by de regels del. Dat no like gjinien Psy-fi earnst te nimmen. De proPsy-fipetysje rûn net bjusterbaarlike hurd.

In wike letter joech de rjochter GSD gelyk en ferneatige efterôf de ûndeugdlike gemeentlike lûdsûntheffingen foar Psy-fi en Welcome to the Village (WttV) yn 2018. WttV 2019 moast dêrom om midnacht de fersterke muzyk stopje. De lûdsûntheffing foar Psy-fi 2019 focht GSD apart oan om’t dy sawat in kopy fan dy fan 2018 wie; ek dy karde de rjochter ôf. Dat soe foar Psy-fi itselde betsjutte as foar WttV: it nachtlûdnivo moast earder op ’e jûn yngean en ek moast it nacht­lûdnivo omleech. Dêrop fleach de gemeente nei har adfokate­buro Stibbe yn Amsterdam, ien fan ’e djoerste fan it lân neffens GSD, foar in ferwarskrift en in fersyk om in sitting, hoewol’t de rjochter al ferdútst hie dat er in foarriedige foarsjenning sûnder sitting ôf koe. Yndie draaide de rjochter, wylst Psy-fi yn opbou wie en omtrint begûn, it tal desibels werom fan 96 nei 79. “Niet noemenswaardig,” sei festivalbaas Rob Durand.Pieter Atsma, ‘Rechter schroeft basgeluid Psy-Fi ’s nachts terug’, Friesch Dagblad, 10 augustus 2018, frieschdagblad.nl/2018/8/9/rechter-schroeft-basgeluid-psy-fi-s-nachts-terug, krigen 19 septimber 2019.

Dúdlik is, de gemeente Ljouwert docht der alles oan om Psy-fi binnen te hâlden. Ferline wike frege de gemeentefraksje List 058 it kolleezje wat dat binnenhâlden feitlik kostet, al dy juridyske strideraasje oer fergunningen en prosedueres, los fan de skatting op ’e GSD-webside. It kolleezje andere dat de kosten wol wat heger lizze as de 350.000 dy’t GSD tinkt, mar: de kostelist is fertroulik. List 058 begriep it nut fan fertroulikens net, want sa kinne se net sjen oft dat goed heale miljoen, rûze se, wol maatskiplik ferantwurde útjûn is. De Gemeentebelangenfraksje wie lilk om it tekoart oan transparantens sels en wiisde op it behinderjen fan ’e demokrasy. As it kolleezje gjin ynformaasje jout kin de folksfertsjintwurdiging syn kontrolearjende taak net dwaan. Lang om let krige List 058 in riedsmearderheid foar in ûndersyk fan de rekkenkeamer nei it fergunningferlienen foar festivals, mar net sûnder dreech debat.

Hoera foar de rjochtssteat, mar it komt likegoed del op it ferskowen fan de fokus fan it debat yn it belang fan festivalisearring. Sels wikipedia—dat wiswol byholden wurde sil troch de Psy-filju—hat in ûnbermhertich titele paragraaf ‘Complaints about noise’. De útspraken deryn binne wat selektyf en de boarne derfoar is meastal de Ljouwerter krante dy’t yn 2018 troch de provinsje betelle waard foar festiviteitereklame, mar wikipedia hat it oer de lûdsoerlêst sels en net oer it skoandere jild—iepenbier jild, betink dat wol, net it jild fan festivalwethâlder Sjoerd ‘Gelul’ Feitsma mar jowesWouter Boonstra, ‘ ‘Openheid over juridische kosten festivals Leeuwarden’ ’, Binnenlands Bestuur, 19 augustus 2019, www.binnenlandsbestuur.nl/ruimte-en-milieu/nieuws/openheid-over-juridische-kosten-festivals.10536932.lynkx, krigen 19 septimber 2019.—dat fuort is mei it prosedearjen oer lûdsoerlêst. Hâld op mei prosedearjen, liket it tinken fan de gemeenterie te wêzen, en dan is de saak oplost. In nij bestimmingsplan leit trouwens al op ’e tekentafel: ha de nearzige tsjinakselders gjin poat mear om op te stean.

De diskursive dichotomy negativo’s↔woltinkende minsken is klassyk op it toerisme, evenemint- & ferdivedaasjemêd. Wy ha hjir de Vereniging Vrienden van het Vondelpark. Nei jierrenlang oanwizen fan alle liuwen en bearen rêden se it op dat barbekjûen yn it park, dat altyd ta ús urbane frijheden heard hie, net mear mocht, en dat net om’t it barbekjûen út de hân rûn, want de woarsten rûkten altyd hearlik, mar om’t it stedsdiel besunige op jiskekonteners en de koaltsjes lizzen bleaune yn it gers. In jier nei it yngean fan it ferbod die de feriening fan begoede nimbys oanjefte tsjin syn eardere foarsitter dy’t 15.000 út de kas nommen ha soe. Us Schadenfreude smakke swiet. Mar dizze lju soargje ek dat der gjin ûnnedige beammekap is. Al spiele se guon bern mei it waskwetter fuort, dat massaferdivedaasje miljeu en omkriten—en de boarger—slim belêstet is wiswol reëel. Nettsjinsteande it ferduorsumjen fan de grutte festivals produsearje festivalgongers der trochinoar in kilo jiske deis; op Psy-fi wie yn 2018 allinne de los omtoarkjende jiske al in kilo de besiker deis.‘Grote festivals zetten in op duurzaamheid’, Duurzaam Bedrijfsleven, 27 juny 2014, www.duurzaambedrijfsleven.nl/retail/2730/grote-festivals-zetten-in-op-duurzaamheid, krigen 19 septimber 2019. Yn 2018 is yn 5 dagen 55.000 kilo losse jiske op it terrein ynsamle en der wiene 11.500 besikers, Yme Gietema, ‘Psy-Fi verduurzaamt verder: volgende festival volledig vegetarisch’, Leeuwarder Courant, 13 maart 2019, www.lc.nl/friesland/Psy-Fi-verduurzaamt-verder-volgende-festival-volledig-vegetarisch-24264539.html, krigen 19 septimber 2019.

It Vondelpark, al lijt it ûnder ‘overtourism’, is gjin festivalpark. It Westerpark is dat wol. Ferline jier wie it sels it meast festivalisearre park fan Amsterdam, mei grutte festivals fan mear as 10.000 besikers en alle wykeinen fan it heechseisoen in evenemint. Ea woene de bestjoerders it ‘rêstige’ park mear by de stêd ‘belûke’ troch it ‘libbener’ te meitsjen—libben, stêd en lûke komme steefêst werom yn ’e festivalarguminten. It sukses fan it parkoplibbenjen hat him iepenbiere yn de goed 15 jier dat ik by de evenmintstekken lâns draaf, oan ’e goeie kant derfan, om de natuertún en skoaltúntsjes en troch de oare grienfunksjes fan it park hinne. It park leit as in keatsje fan ien fan de—bedrige—griene fingers oant middenyn ’e stêd, mei oan trije kanten hiel tichtbefolke wenwiken. Eveneminten krije in fergunning foar 75 desibel en muzykfestivals 85 desibel gevelwearde. Op himelsbreed ien kilometer ôfstân en mei de ivige noardwester hearre jo de muzykfestivals hjir oant ûnder de dûs, mar hawar, jo kieze foar it stedslibben en jûns om alve oere moat alle muzyk út.

Oan ’e oare kant, de wenten begjinne op 100 meter ôfstân fan de speakertuorren en benammen bern en âlderein ha gjin kar. Ek betocht âldboargemaster Van der Laan in pear jier lyn, ûnder druk fan de rekreaasjebusiness, dat de eveneminttichtens bêst omheech koe yn it Westerpark. Doe barde der wat aparts. Der kamen plannen om de fjirde flank fan it Westerpark fol wenten te setten. Ynienen meie no mar twa fan ’e trije heechseisoenwykeinen in evenemint hawwe, trije grutte twadeiske festivals is maksimaal en opbouwen/ôfbrekken mei net mear langer duorje as acht dagen :) Ek op de NDSM-werf bedriget—lúkse—appartemintebou de muzyk­festivalisearring. It rjochtsjen fan de akoestyske kontoeren fan de poadia ôf tusken wenteblokken troch, mar yn gjin gefal oer wetter, wurdt hieltyd dreger. De iennichste útwei is ‘downsizing’ nei lytse festivaltsjes.

Wat dat oangiet, it ferskil mei ús park+festivals hjir is yn haadsaak dat Ljouwert net in grutte stêd is. It park De Griene Stjer leit tsjin de wenwyk Kammingabuorren mei sa’n 11.500 bewenners oan en oan ’e oare kant lizze de doarpkes Tytsjerk en Ryptsjerk. Psy-fi is ek gjin echt grut muzykfestival mei syn 15.000 besikers; Zwarte Cross hat 200.000 en Mysteryland 100.000. Fierder sit Fryslân yn ’e festivalkategory ‘alle’ yn it leechste skift fan Nederlân mei minder as 100 festivaledysjes it jier (2016, 2018). Yn ’e kategoryen ‘keunst’, ‘film’ en ‘food’ komt Fryslân ek yn it leechste en yn ‘muzyk’ yn it ien nei leechste fan fiif skiften. Noard-Hollân sit op ‘food’ nei yn alle heechste skiften, mei 300 oant 400 edysjes meiinoar it jier (’16, ’18). It tal muzykfestivals yn Fryslân is weromgien fan 62 yn 2016 nei 54 yn 2018. Al yn 2017 wie der in omdelgong fan muzykfestivals yn hiel Nederlân te sjen.‘Festival Atlas: Overzicht en analyse van het festivallandschap in Nederland’, www.festivalatlas.nl/database/, krigen 19 septimber 2019; ‘Aantal festivals in Nederland blijft dalen’, Faculteit Digitale Media en Creatieve Industrie HvA, 14 juny 2019, www.hva.nl/faculteit/fdmci/gedeelde-content/nieuws/nieuwsberichten/2019/06/aantal-festivals-in-nederland-blijft-dalen.html, krigen 19 septimber 2019.

Gjin wûnder eins dat Ljouwert Psy-fi wol hâlde wol… R. giet der ek altyd hinne, sei myn soan, se wurde apestoned en harkje dan optein nei muzyk of sa. Ik siet ris yn it Psy-fikompartimint, sei ik, fan ’e yntersity fan ’e rânestêd nei Ljouwert en it wie sa sympatyk mei dy wangen fol—plestiken, net botte duorsume—glitterkes. Mar Ljouwert docht it net om’t de besikers sokke noflike lju binne.

In stêd hat sûnt in pear desennia twa opsjes. Of se ûntjouwe har en besykje gelikense stap te hâlden mei it jachtsjen fan de mondiale ekonomy, of se wegerje dat en bliuwe harsels en stagnearje. It gefolch is dat hiele stêden harsels omfoarme hawwe ta kolossale poadiums foar in stream fan aktiviteiten, wat op in stuit liede kin ta de festivalisearring fan de stêd. De striidgjalp ‘city of festivals’ is populêr wurden. De trend hinget gear mei de wurkleazens fan it postyndustriële tiidrek dat yn 1980 oanbruts. Se skoden kultuer, toerisme en ferdivedaasje mar foarút as lûkers fan ekonomyske ûntjouwing; it wie dat, of ferearming, fergrizing en it leechrinnen fan de stêd om’t der gjin wurk wie. Ek muoiden sintrale oerheden har mei regionale ûntjouwing. Wat mear fernield as in regio like en wat minder oft yndustriële groei foar de hân lei, wat mear oft dy bestjoerders stêden begûnen te ferkeapjen as sintra fan kultuer.Greg Richards and Robert Palmer, ‘Why cities need to be eventful’, in Idem, Eventful cities: Cultural management and urban revitalisation (Oxford 2010) 1-37, 1-10. Jo koene jo net foarstelle dat se de misje fan Psy-fi ek mar globaal sjoen hiene: “We aim to create a higher level of consciousness.”‘Psy-fi’s mission’, Psy-fi, g.d., www.psy-fi.nl/missions, krigen 19 septimber 2019.

Dêrfoaroer stiet dat grutte stêden, sizze politike wittenskippers, hjoed “groeimasines” binne, oerhearske troch in “rezjym” fan stedsbouwers en hearrige politisy dy’t har winst fergrutsje wolle mei op ’e kletter sleine projektûntwikkeling.David Schleicher, ‘City unplanning’, Yale Law Journal 122:7 (2013) 1670-1737, 1698, dx.doi.org/10.2139/ssrn.1990353. David Schleicher sinjalearret in “seriatim beslútfoarming.” Foar it meitsjen fan stedsbeliedsplannen binne der gjin konkurearjende lokale partijen, seit er. Meastal fiert ien partij de regy, mar is der net in koalysje mei de macht en it inisjatyf om ôfspraken tusken bestjoerders te ôf te twingen foar dingen dy’t goed binne foar elk slach bewenner. Wat jo dan krije binne mearderheiden dy’t leaver a hawwe as b, b leaver as c, en c leaver as a. Dat ferklearret dat downsizing net fan ’e grûn komt: lytse ûntwikkelders en ynfestearders kinne nea tsjin de lobbykrêft fan de grutten op.Mark Bergen, ‘The stagnant city: How urban politics are stalling growth and pushing rents up’, Forbes, 5 maart 2012, www.forbes.com/sites/markbergen/2012/03/05/the-stagnant-city-how-urban-politics-are-pushing-rents-up/#1f42e0a6628c, krigen 19 septimber 2019. Boppedat kin it oanloklike foarútsjoch fan gruttere stedsynkomsten, lykas as djoere wenten, it belied samar wer omkeare, seit de fertrokken direkteur fan de NDSM-werf oer de stedsbeliedsmakkers. “Hja sjogge kultuer as tydlik.”Koen van Bommel, ‘De toekomst van de NDSM-werf als vrijplaats ziet er somber uit’, Vice, 20 july 2017, www.vice.com/nl/article/zmvkd8/de-toekomst-van-de-ndsm-werf-als-vrijplaats-ziet-er-somber-uit, krigen 19 septimber 2019.

It utilitarisme yn de arguminten foar festivals is skokkend. Yn it Psy-fidosjee fan de Ljouwerter krante lêze jo kear op kear it stânpunt dat in ‘libbene’ stêd mei in protte ferdivedaasje ‘goed’ is, om’t polityk hanneljen goed is as it it wolwêzen fan de measte minsken stipet. Der binne minder tsjinstanners as besikkers en dy tûzenen besikers komme ek noch út hûndert lannen oer de hiele wrâld: sjudêr. It lêste is amper wier. Op foto’s fan Psy-fi falt allerearst de homogeniteit fan de subkultuer op: wyt, jong en ‘able-bodied’. It GSD-dosjee lit sjen hoe’t it mjitbere wolwêzen hieltyd wint—net dat fan de flearmûzen—en de kwaliteit fan arguminten net meiwoegen wurdt mei de kwantiteit. Mar Ljouwert moat wol—of tinkt dat alteast.

De typyske reaksjes op it foarútsjoch fan stadige ekonomyske groei of fan krimp, sizze eksperts op it mêd fan steds- en regio­ûntjouwing, binne groeiprojekten, krimpplanning, en dêrtuskenyn de ynstânhâldingsstrategy. Dat lêste bart troch stêden oantrekliker te meitsjen: yndustryen ferfange, faak troch kultueryndustry, en universiteiten en kolleezjes oanlûke. Bliken docht dat de strategyen de swierrichheden slimmer meitsje kinne, dy’t se just weinimme moasten. Groei stimulearje op krimpplakken—de ekonomy yn Fryslân bliuwt efter troch krimp yn it noarden fan de provinsje—skept ferwachtingen dy’t útkomme kinne. Slimmer is dat de nije ynkomstenboarnen troch ekonomyske stimulearring net opweagje tsjin de kosten fan it delsetten en ûnderhâlden fan wurk­gelegenheid yn nije stedse omkriten. Gemeentes wreidzje út oant yn de greiden om’t se tinke dat groei groei skept, mar sûnder dat der ea de duorsume ûntjouwing wêze kin om de ynfestearringen derút te krijen.Mark Seasons, ‘Communities in transition: Planning for no-growth, slow growth or decline’, Evergreen, 2017, www.evergreen.ca/downloads/pdfs/2017/04_MSC_RC_Seasons.pdf, krigen 19 septimber 2019. Yndie freget GSD him op ferskate plakken op de webside ôf hoe’t Ljouwert dat ha sil mei it oanlizzen fan in noaske fan de salm­festivalterrein oer in rekreaasjegebiet hinne. Allinnich de kosten fan rjochtsaken dêrfoar al: dat helje se der nea wer út. It is ek net as sille minsken yn ’e takomst ophâlde mei earen te hawwen.

De klachten oer lûdsoerlêst komme by ’t weinfol út de wide omkriten wylst de festivalbesikers mei eardoppen omrinne. De oplossing liket simpel. Mar nee, sêfter kin de muzyk net, seit in lûdsplanner foar festivals. Want it “roezemuozjen” op it terrein is al 90 desibel. Dat sil strike want se moatte oer de muzyk en har eigen eardopkes hinne raze. Dus muzyk fan 95 desibel komt dêr krekt boppe út seit er. Is it leger dan hâlde besikers op fan dûnsjen: “Dat soe oan de wille fan de minsken ôfdwaan.”Bas Soetenhorst en Raounak Khaddari, ‘Minder festivals, strengere regels − toch groeit de weerstand’, Het Parool, 8 juny 2019, www.parool.nl/amsterdam/minder-festivals-strengere-regels-toch-groeit-de-weerstand~ba34cb73/, krigen 19 septimber 2019. Dêrby, sels snút hâlde, de eardopkes út en muzyk sêft jout net itselde effekt, want minsken wolle de trillingen en de hiele holle fol muzyk fiele. Elkenien in flinke headset op dan? Gjin sprake fan seit in oare lûdsekspert, want wat langer oft immen bleatsteld wurdt—hy sil bedoele himsels bleatstelt—oan lûde muzyk, wat grutter de kâns op gehoarskea. Alles boppe de 92 desibel is gefaarlik. Bewenners rinne dêrom net dalik gehoarskea op, mar se kinne fan festivals wol sliepfersteuringen krije. Dy binne ek gefaarlik, teminsten by mear kear yn ’e moanne fersteurde sliep. Lju dy’t lije ûnder lûd moatte wy gjin grynders neame, adfisearret er.

Krekt dat sei in flyer fan in sliepdokter, yn de lift fan it sikehûs: it waarnimmen fan lûd is in subjektyf ding. Moai, mar hoe sit it dan mei it dûnsjen op festivals frege ik ús sike freon. Like tusken de earen, tocht er. Dûnsjen is oanleard gedrach; rekkenje mar net dat it echt wat te krijen hat mei objektive lûdsweagen.

Noaten

  1. Pieter Atsma, ‘Rechter schroeft basgeluid Psy-Fi ’s nachts terug’, Friesch Dagblad, 10 augustus 2018, frieschdagblad.nl/2018/8/9/rechter-schroeft-basgeluid-psy-fi-s-nachts-terug, krigen 19 septimber 2019.
  2. Wouter Boonstra, ‘ ‘Openheid over juridische kosten festivals Leeuwarden’ ’, Binnenlands Bestuur, 19 augustus 2019, www.binnenlandsbestuur.nl/ruimte-en-milieu/nieuws/openheid-over-juridische-kosten-festivals.10536932.lynkx, krigen 19 septimber 2019.
  3. ‘Grote festivals zetten in op duurzaamheid’, Duurzaam Bedrijfsleven, 27 juny 2014, www.duurzaambedrijfsleven.nl/retail/2730/grote-festivals-zetten-in-op-duurzaamheid, krigen 19 septimber 2019. Yn 2018 is yn 5 dagen 55.000 kilo losse jiske op it terrein ynsamle en der wiene 11.500 besikers, Yme Gietema, ‘Psy-Fi verduurzaamt verder: volgende festival volledig vegetarisch’, Leeuwarder Courant, 13 maart 2019, www.lc.nl/friesland/Psy-Fi-verduurzaamt-verder-volgende-festival-volledig-vegetarisch-24264539.html, krigen 19 septimber 2019.
  4. ‘Festival Atlas: Overzicht en analyse van het festivallandschap in Nederland’, www.festivalatlas.nl/database/, krigen 19 septimber 2019; ‘Aantal festivals in Nederland blijft dalen’, Faculteit Digitale Media en Creatieve Industrie HvA, 14 juny 2019, www.hva.nl/faculteit/fdmci/gedeelde-content/nieuws/nieuwsberichten/2019/06/aantal-festivals-in-nederland-blijft-dalen.html, krigen 19 septimber 2019.
  5. Greg Richards and Robert Palmer, ‘Why cities need to be eventful’, in Idem, Eventful cities: Cultural management and urban revitalisation (Oxford 2010) 1-37, 1-10.
  6. ‘Psy-fi’s mission’, Psy-fi, g.d., www.psy-fi.nl/missions, krigen 19 septimber 2019.
  7. David Schleicher, ‘City unplanning’, Yale Law Journal 122:7 (2013) 1670-1737, 1698, dx.doi.org/10.2139/ssrn.1990353.
  8. Mark Bergen, ‘The stagnant city: How urban politics are stalling growth and pushing rents up’, Forbes, 5 maart 2012, www.forbes.com/sites/markbergen/2012/03/05/the-stagnant-city-how-urban-politics-are-pushing-rents-up/#1f42e0a6628c, krigen 19 septimber 2019.
  9. Koen van Bommel, ‘De toekomst van de NDSM-werf als vrijplaats ziet er somber uit’, Vice, 20 july 2017, www.vice.com/nl/article/zmvkd8/de-toekomst-van-de-ndsm-werf-als-vrijplaats-ziet-er-somber-uit, krigen 19 septimber 2019.
  10. Mark Seasons, ‘Communities in transition: Planning for no-growth, slow growth or decline’, Evergreen, 2017, www.evergreen.ca/downloads/pdfs/2017/04_MSC_RC_Seasons.pdf, krigen 19 septimber 2019.
  11. Bas Soetenhorst en Raounak Khaddari, ‘Minder festivals, strengere regels − toch groeit de weerstand’, Het Parool, 8 juny 2019, www.parool.nl/amsterdam/minder-festivals-strengere-regels-toch-groeit-de-weerstand~ba34cb73/, krigen 19 septimber 2019.

Fers2 nû. 5.13, 8 septimber 2019

Tilroe tsjocht de provinsje yn

image Fers2

Op 22 augustus berjochtet de South China Morning Post dat de ynformaasjeôfdieling fan it Sineeske ministearje fan útlânske saken in brief stjoerd hat nei “doazinen” útlânske media, en dêr­ûnder de Britske BBC, de Amerikaanske NBC en de Japanske NKH; de Ljouwerter krante wurdt net neamd mar dat seit neat. Sina fersiket yn dat brief om “ûnpartidige, objektive en wiidfiemjende” berjochtjouwing oer de protesten yn Hong Kong. Neffens de krante hat it krekt promovearre haad fan ’e ynformaasje­ôfdieling skreaun: “Spitigernôch is der noch altyd ferslachjouwing basearre op selektive feiten of hielendal gjin feiten.”Catherine Wong, ‘China urges foreign media to ‘help right public opinion wrongs’ on Hong Kong protests’, Sout China Morning Post, 22 augustus 2019, www.scmp.com/news/china/diplomacy/article/3023886/china-urges-foreign-media-help-right-public-opinion-wrongs, krigen 22 augustus 2019. Thús draait presidint Xi Jinping de parsefrijheid hieltyd fierder de nekke om. Sina bongelet op plak 177 op de 2019 World Press Freedon Index, ferline jier op 176, dus se sakje. No stiet Sina derop dat (ek) de útlânske kranten “helpe om de iepenbiere misstannen rjocht te setten”. Mar hjir is it gjin Sina, tinke wy noch, naive Fers2-ers as wy binne.

Want op deselde simmerske tongersdei komt de Ljouwerter krante mei it nijs dat “betinkster” Anna Tilroe “har” fonteinen net fertoarkje litte wol troch amtlik gesanger (“sores”).Koen Pennewaard, ‘Bedenkster Anne Tilroe over ‘haar’ fonteinen: laat ze niet verworden tot ambtelijke sores’, Leeuwarder Courant, 22 augustus 2019, www.lc.nl/friesland/waadhoeke/Bedenkster-Anne-Tilroe-over-haar-fonteinen-laat-ze-niet-verworden-tot-ambtelijke-sores-24752225.html, krigen 22 augustus 2019. Fiederop is Tilroe “kreatyf betinkster”. Dat kin. Elkenien is kreatyf en in dichter yn Sina, seit nobelpriiswinner Mo Yan. Tilroe docht in lêzing “tijden (sic) het ‘simmerjûncollege’ in de academie van Franeker”. Mar dan wurdt de krante oermoedich. Tilroe is “de Amsterdamse buiten­gewoon hoogleraar”. Komno, de UvA hat wol wat betters te dwaan as sinecures útdiele oan fonteinoptinkers. De Academie van Franeker seit: “Anna Tilroe is kunstcriticus, buitengewoon hoog­leraar ‘Kunst en Cultuur’ aan de Radboud Universiteit Nijmegen en de artistic director van 11Fountains”. Mar op de Radboud sykje op meiwurkers en ‘Tilroe’ jout in: “Uw zoekopdracht heeft geen resultaat opgeleverd.”

In leagen is in bewearing dêr’t fan oannommen wurdt dat er ûnwier is, gewoanlik mei de bedoeling om immen te bedragen, seit in rige erkende wittenskippers op wikipedia. Wêrom’t wy leagens kommunisearje ferklearje se ek—it smyt de leagner wat op dat er graach wol—mar my komplimintearje dat myn jurk my goed stiet is echt wat oars as in ûnwierheid fan de media yn it post-autoritêre, demokratyske tiidrek. Just as der gjin taastbere beheiningen binne oan de frijheid fan de parse, wize ûnwierheden op machtsrelaasjes.

Taal tsjinnet hjir de macht troch de gewoanlik aparte fjilden fan polityk, media en ‘keunst’ te ferbinen. Wie Tilroe har tekst net inkeld mar power talk, mei it doel fan ynfloed en oerhearsking? Sei Tilroe net tsjin de Volkskrant oer de Fryske winsk om in rol te spyljen yn har fonteineprojekt: “Het was interessant om te kijken of ik dat kon doorbreken.”Anna van Leeuwen, ‘Elf grote kunstprojecten langs de route van de elfstedentocht: een ‘krankzinnig plan’ met happy end’, de Volkskrant, 18 maaie 2018, www.volkskrant.nl/cultuur-media/elf-grote-kunstprojecten-langs-de-route-van-de-elfstedentocht-een-krankzinnig-plan-met-happy-end~bf229f8b/, krigen 7 septimber 2019. Sei se net tsjin wa’t it mar hearre woe fan “Ik heb aan elke stad een geschikte kunstenaar gelinkt”, ommers “Vreemde ogen zien andere dingen.”Maïthé Chini, ‘Hoe Friese fonteinen de Elfstedentocht even doen vergeten’, De Morgen, 2 juny 2018, www.demorgen.be/leven-liefde/hoe-friese-fonteinen-de-elfstedentocht-even-doen-vergeten~b067fcdc/, krigen 7 septimber 2019, en oeral op it ynternet; ‘Opening Culturele Hoofdstad-fonteinen op Kletterdei’, Omrop Fryslân, 17 maaie 1918, www.omropfryslan.nl/nieuws/811037-opening-culturele-hoofdstad-fonteinen-op-kletterdei, krigen 7 septimber 2019, en oeral op it ynternet. Al gau sloech Tilroe om nei negatyf machtsfertoan, slachtofferkeboartsjen: “En dat terwijl … lokale fonteincommissies, waarvan de leden – stadsbewoners – zeggenschap kregen …”Zander Lamme, ‘Omstreden fonteinen af’, De Telegraaf, 17 maaie 2018, www.telegraaf.nl/nieuws/2051921/omstreden-fonteinen-af, krigen septimber 2019. Mar hie Tilroe it yn Fryslân ea oer keunst, ik bedoel: waard alle oerwicht wol rjochtfeardige, ik bedoel: net troch befreone kollumnisten,Joyce Roodnat, ‘Benepen Friezen en de 11 fonteinen’, NRC, 27 april 2017, /www.nrc.nl/nieuws/2017/04/27/benepen-friezen-en-de-11-fonteinen-8430375-a1556198, krigen 7 augustus 2019; Nico van den Berg, ‘Een spuitende lul, dat is pas echte kunst volgens de Friezen’, HP/De Tijd, 24 maaie 2018, www.hpdetijd.nl/2018-05-24/een-spuitende-lul-11-friese-fonteinen/, krigen 7 septimber 2019. mar troch útsûnderlike ekspertise, ik bedoel: op keunstmêd?

As jo fierder sochten om it doel fan it oerwicht, mear as maklik jild of de ferkeardenien yn it gesicht spije op hope fan martlerskip, dan die bliken dat ideology dy’t yn Tilroe in ’e plasse slein wie ferburgen wie as in antykrist yn in bûrka. Dêr brocht de niisneamde Ljouwerter krante feroaring yn. “Ontegenzeggelijk”, sa begjint it fraach­petear mei Tilroe oer har fonteinen, hat har fonteineprojekt “zijn stempel gedrukt op de provincie.” Metafoaryske taal yn ’e nijsmedia! Fers2 skeat op it puntsje fan syn lounge-unit en batste de kofje oer it karpet. It stimpel sette is dat de autoriteit syn merk op eat printet as teken dat er it goedkart of, hjoeddedei, dat immen troch syn meiwurkjen eat sterk beynfloedet. Foar ‘ontegenzeggelijk’ hat de van Dale “geen resultaat. Het woord is verkeerd gespeld.” ‘Ontegenzeglijk’ bestiet wol yn: it is net te ûntkennen. As soene wy ûntkenne wolle dat Tilroe skrept & bodde hat om ús stedske iepen­biere ynrjochtingsbelied te beynfloedzjen! Mar komt it oan op sjoernalistyk ûnderbouwen fan de bewearing dat Tilroe in sinne­kleare kulturele (r)evolúsje berne hat, dan is der iepen plak.

Faak wol de Ljouwerter yn it lokale nijs earst húslike sfear skeppe, mei plak en omkriten dêr’t de apoteoaze syn beslach krijt. Hjir hipt it ynienen nei de takomst en fuort nei Tilroe:

Over de toekomst wil zij het liever niet te veel meer hebben. “Ik heb wat moois achtergelaten. Nu is het de taak aan Friesland om er zorgvuldig mee om te gaan. Ik heb er eigenlijk niets meer over te zeggen. Ik heb mijn erfstuk achtergelaten.”

Al tizet se der wat yn om, se bedoelt inkeld fan ‘it is oan Fryslân’, i.e. ‘Fryslân is oan bar’, of ‘it is de taak fan Fryslân’. Mar dêr’t jo ferwachtsje dat de krante har freget te ferdútsen wat sekuer omgean mei de takomst yn har eagen is, en wêrom’t dat de taak is fan in partij dy’t nea frege hat om dy takomst, dêr stiet in wytrigel. Hastich riist in nij kopke op: Ik ben bezorgd. No giet Tilroe har selsfoldienens omheech nei izige hichten: de noed oer reklame en ûnderhâld (“marketing”, “beheer”) dy’t de fontein­kommisjes earder fan ’t jier uteren, ûnderskriuwt hja, mei oare wurden, hja bekrêftiget dat de noed dêr’t in oar yn sit, strykt. It is akkurate noed neffens Tilroe. Mar op it plak dêr’t de antwurden op de fûnemintele krantefragen stean moatte, wat wa wêr wannear wêrom hoe + hokker noed krekt, stiet dat it giet om “zorgen” dy’t “recht uit het hart” komme.

Rêd swaait it diskoers opnij nei in platitude as wie it in Loesje-ansicht, en sa’t politisy altyd dogge as se har fingers net baarne wolle oan it hjoed, nei de takomst: “Een succesvolle toekomst is gebaat bij een goede marketing.” Is dy dan net goed? is hjir de wenstige fraach, dêr’t it antwurd fan mist. Nei de frase “goede marketing” giet de nije alinea hommels oer de lêzing. De krante beskriuwt de foto dêr’t dy lêzing mei iepenet. Goed twa jier lyn is er nommen yn “de” tsjerke—Frjentsjer hat sa’n 13 tsjerken—en der stean “bestuurders” op “met een groot, kleurig lint in de handen.” De krante seit net dat de ‘simmerjûnkolleezjes’ publyksjûntsjes en promoasjes binne dêr’t se “wetenschap en de maat[s]chappij” of “partijen” tichter byinoar mei bringe wolle, en ek net dat de kaartsjes derfoar te krijen binne yn ’e kroech derneist en dat der in drankje nei ôfrin by yn sit.Academie van Franeker, www.academiefraneker.nl, krigen 7 septimber 2019. Mo tsjut yn syn roman oer alkohol op it iependoarbelied yn Sina, om de minsken te helpen makliker dwaan te kinnen wat de partij graach wol. It kin net oars as it fraach­petear hat yn ’e kroech west. De net-gearhingjende konstruksje fan de krantetekst, mei hiaten dy’t net te beljeppen binne en foechwurden op ’e doele, lit sjen dat der slim skrast is.

Sensuer, selssensuer of noch in ekstra wyntsje mei Tilroe? De ferline jier útstjoerde dokumentêre 11 Friese Fonteinen, mei de slogan ‘Tilroe tsjocht de provinsje yn’, hat de ‘heechlearaar’ sa’t it liket gâns populêr makke yn Fryske horeka/toerismerûnten. Se kin sizze wat se wol. As se fêststelt dat de tiid begjint te driuwen om te garandearjen “dat de erfenis in goede handen is”, is it in feit, o heden. Mar hoe krekt stelt se soks fêst? Hokker konkrete saken gean beskûl efter it teatrale erfskip en de allegoaryske nuodlike memmehannen? De krante, lykwols, lit Tilroe oanfolje dat it ‘publyk’ is sljocht op har fonteinen en “als ik soms hoor wat er allemaal omheen gebeurt, dat is geweldig.” Wat Tilroe heart dat Fers2 net heart ek al folgje wy de Tilroetwitter, slokt de krante fluch yn mei in non sequitur fan jewelste: “…dat is geweldig. Maar toch:” ûnderhâldt Tilroe prima kontakten mei de fonteinkommisjes. Mar toch wie har fonteinegrap súksesfol. Mar toch hat se in duorsum freontsjesnetwurk opboud yn Fryslân, punt út.

Dat tochten wy al: de ideology fan neotsaristyske macht, fan in aristokrasy fan nommele nonagraryske oerwinners fan dy rottige, mei âlde Ljouwerter kranten tichtplakte folkssoevereiniteit.

Noaten

  1. Catherine Wong, ‘China urges foreign media to ‘help right public opinion wrongs’ on Hong Kong protests’, Sout China Morning Post, 22 augustus 2019, www.scmp.com/news/china/diplomacy/article/3023886/china-urges-foreign-media-help-right-public-opinion-wrongs, krigen 22 augustus 2019.
  2. Koen Pennewaard, ‘Bedenkster Anne Tilroe over ‘haar’ fonteinen: laat ze niet verworden tot ambtelijke sores’, Leeuwarder Courant, 22 augustus 2019, www.lc.nl/friesland/waadhoeke/Bedenkster-Anne-Tilroe-over-haar-fonteinen-laat-ze-niet-verworden-tot-ambtelijke-sores-24752225.html, krigen 22 augustus 2019.
  3. Anna van Leeuwen, ‘Elf grote kunstprojecten langs de route van de elfstedentocht: een ‘krankzinnig plan’ met happy end’, de Volkskrant, 18 maaie 2018, www.volkskrant.nl/cultuur-media/elf-grote-kunstprojecten-langs-de-route-van-de-elfstedentocht-een-krankzinnig-plan-met-happy-end~bf229f8b/, krigen 7 septimber 2019.
  4. Maïthé Chini, ‘Hoe Friese fonteinen de Elfstedentocht even doen vergeten’, De Morgen, 2 juny 2018, www.demorgen.be/leven-liefde/hoe-friese-fonteinen-de-elfstedentocht-even-doen-vergeten~b067fcdc/, krigen 7 septimber 2019, en oeral op it ynternet; ‘Opening Culturele Hoofdstad-fonteinen op Kletterdei’, Omrop Fryslân, 17 maaie 1918, www.omropfryslan.nl/nieuws/811037-opening-culturele-hoofdstad-fonteinen-op-kletterdei, krigen 7 septimber 2019, en oeral op it ynternet.
  5. Zander Lamme, ‘Omstreden fonteinen af’, De Telegraaf, 17 maaie 2018, www.telegraaf.nl/nieuws/2051921/omstreden-fonteinen-af, krigen septimber 2019.
  6. Joyce Roodnat, ‘Benepen Friezen en de 11 fonteinen’, NRC, 27 april 2017, /www.nrc.nl/nieuws/2017/04/27/benepen-friezen-en-de-11-fonteinen-8430375-a1556198, krigen 7 augustus 2019; Nico van den Berg, ‘Een spuitende lul, dat is pas echte kunst volgens de Friezen’, HP/De Tijd, 24 maaie 2018, www.hpdetijd.nl/2018-05-24/een-spuitende-lul-11-friese-fonteinen/, krigen 7 septimber 2019.
  7. Academie van Franeker, www.academiefraneker.nl, krigen 7 septimber 2019.

Fers2 nû. 5.12, 16 juny 2019

Fan ûnsyl nei ûnbrêge

in ûnliterêre kuier

image Fers2

Yn de sechstjinde ieu bouwe se by Seisbierrum in kearslûs yn de Slachtedyk. Sa’n slûs hat amper in wetterregeljende funksje. Hy stiet iepen oant it seewetter ris gefaarlik heech komt en kin dan ticht. It nut fan de slûs is dêrom maklik te wei te wiuwen en tagelyk binne it ûnderhâld fan de slûs sels, it wetter en de slieperdyk sa yngewikkeld ferdield dat der allegeduerigen spul om is. Yn 1841 hat de provinsje Fryslân skoan syn nocht fan it ieuwenlange hakketearjen en nimt de slûs oer. Se meitsje him moaier, sterker en grutter, ferfange op in stuit it hout foar beton en slope him yn 1981. Ommers de see hat dan opholden te bestean en it minskdom allikefolle: Getswerdersyl.

Op 4 maart 2011 beneamt de provinsje Fryslân een proazasjuery. Sa’n sjuery moat nominearje út in bulk wei fan sirka 60 útjeften, fan sa’n sterk wikseljende kwaliteit dat de wearde fan sjuerys steefêst betwivele wurdt. De sjuery hat tsien moannen om serieus te lêzen, mar gjin brede- en smelle kar, wat liedt ta ûnfrede. Begjin septimber 2014 beneame se de sjuery foar de nije rit. Dy sjuery komt nei seis moannen, begjin maart 2015, mei in brede kar fan 12 titels en dan op 1 juny mei de smelle kar fan trije titels. Foar dizze rit, dit jier, beneamt de provinsje de sjuery begjin febrewaris 2019. Op 3 juny, dus nei fjouwer moannen, nei dus (4 x 30) / 70 = it hifkjen fan 1 roman yn 1,7 dagen, lûkt dy sjuery in smelle kar fan fiif titels. Want Fryske literatuer hat wilens opholden te bestean en skamte ek: de Gysbert Japicxpriis.‘5 genomineerden Gysbert Japicxprijs 2019 (03-06-2019)’, Provincie Fryslân, 3 juny 2019, www.fryslan.frl/home/nieuws_3166/item/5-genomineerden-gysbert-japicxprijs-2019_17875.html, krigen 7 juny 2019.

Ferfolch

Simmerje

& Climate Change

image fers2

Change denial? swit fuortfeie

Minder bewolking

It wol net reine

Ekstreme droechte, dyst net hoechste

Swiet binnenwetter wurdt dan sâlt

See-alch tsjocht op dus deade fisk, it ekosyst. yn ’e lytste loege

Wetter besparje, fan hegerhân

De risping mislearret snapt elk mins

Te djoere tomaat en te min nôt

Even your plate of pasta ’s threatened by climate change

Mear oazon hjir leech by de grûn

Mear oazon events oer de warskôgingsgrins

Befolking – bist? plant? – dêrtroch minder sûn

En dus ek mear deaden mei oazon ferbûn

Gefaar foar lânbou, hiene wy al sein

En foar ekosystemen, dus dûbel skeind

Swierdere tongers, as ’t reint lang om let

Hjitteweach komt hieltyd mear foar

Mear kâns op natuerbrân (sa neame se ’t echt)

De ekosystemen no trijedûbel skeind

De atmosfear stiet faker stil

Smoargere loft

Mear siken en deaden, bin stikt

Fergiftige blau-alch dus plant en bist dea en oei dat stjonkt

De seespegel heger giet simmers wol troch

Oseaanboaiemfiedsel rûst nei it oerflak en oseaanlibben stjert

Moaie simmer! Fers2 is der wer op 8 septimber.

In profetyske wyldplanter, Reinold, hat by it streamkanaal de Ried lâns de beamkes delset. Nei fjirtich jier dogge de wylgen en flearen it poerbêst mar de hagedoarns stean mooglik te wiet. Dochs rinne har kealende tûken gaoatysk wer wat út. Foar immen op universiteitsnivo, mimerje wy, nimt yngeand lêzen sa’n 200 wurden de minút, oftewol oardel minút de trochsneedside fan 300 wurden. In roman fan 250 siden nimt 375 minuten = 6:15 oeren. Yndie hâlde ús kollega’s en wy foar it skriuwen fan in romanbesprek ien wurkdei foar it lêzen oan, want jo moatte tuskentroch oantekens meitsje, en in wurkdei foar it skriuwen fan it besprek. As jo gjin besprek út hoege te skriuwen, mar jo rûge oantekens binne genôch ûnderbouwing foar it hifkjen fan it wurk, dan is 1,7 dagen foar ien roman krekt genôch—mar 120 dagen foar 70 romans net. Dat kin nammentlik allinne as jo alle dagen frij hawwe en 120 dagen yn in rige sûnder ek mar ien frije sneon of snein trochbodzje kinne.

Ien twa trije ljochtbrune mûzebiters sirkelje troch de berûne loft. Fan it kaphout dat fergetten neist it Riedpaad leit brekke wy in tûke ôf, want it is briedtiid en opnaaid troch de rôffûgels ferwachtsje wy dûkflechten nei ús holle. Wurke GJ-sjuerylid Grytsje Schaaf net op de NHL, freegje wy ús ôf, jout dy har fjouwer moanne frij om te kontinú-sjurearjen? “Ja, it is mei de provinsje.” “NHL speaking. Mei wa?” “De provinsje.” “Ja…?” “Jo witte wol, dy fan Fryslân.” De oerheid hat hjir en dêr in bankje by de Ried delset, foar’t de toerisme-marketeer útlei dat jo keale kuierders net plôkje kinne. No is it iepenbier meubilêr oergroeid mei bloeiend gers, reade klaver en klaproazen. Om ús lea hinne hotse flinterkes en libellen en foar ús loert de REC as in legoblokje yn lilliputlân.

Wy tinke net dat de Gysbert Japicxsjuery & provinsje lige oer har prestaasje. Wy tinke inkeld dat de sjuery mear as de helte fan de romans beoardiele hat sûnder dy (út) te lêzen. Wy freegje ús ôf oft dat wol mei neffens it Gysbert Japicxreglemint. Mar dat reglemint stiet net op de webside fan Gysbert Japicxpriisútfierder Tresoar en likemin op it provinsjeweb. It ynternet meldt dat Jan Pieter Janzen it provinsjehûs al ris frege om it GJ-priisreglemint, mar helaas, “Der wurdt oan wurke”—dat wie yn 2003.Jan Pieter Janzen, ‘De devaluaasje fan de Gysbert Japicxpriis’, de Moanne / Trotwaer 7 (2003) 44-46, 46. Jo witte it dus net. In jeugdige trekker mei jarretenk skuort troch de greide lofts fan ús. Efkes letter stjonkt it as in oardiel mar in kliber seefûgels jubelet efter de trekker oan.

As de Sweedske Akadeemje net ferwikkele is yn in seksuele yntimidaasjeskandaal—wêrom’t it spantsje dêr’t 50% no fan yn ’e finzenis sit, feitlik safolle jild fan de Akademy krige is ús nea dúdlik wurden—dan rikke se de Nobelpriis yn Literatuer jierliks út. De nominearring- en seleksjeproseduere nimt fyftjin moannen. It begjint mei fersykjen om ekspert-oanbefellingen, leit dan wiidweidich seis-sânhûndert hifkingsrapporten neistinoar en einiget mei stimmen foar de winner; mar omfettet gjin lêzen fan primêre literatuer.

Ynienen hâldt ús spoar fan platwâde gers op en is it paad by de Ried lâns meand oant in meter út de wâl. Flinters binne der net mear. Wy krije yn ’e gaten it wetter hjir neist ús is as de Styks minus Karon: net ien merkel hat syn territoriale lilkens útwierre op in ûnskuldige ein en gjin pluzige pykjeswolk is nei alle kanten stood. Boppe ús fljocht in senuweftige wylp hinne en wer, opfallend net fan doel om ús in hint te jaan oer wêr’t it nêst fan syn wyfke leit op ’e koarte greidgûn. Wy swaaie ús tûke as in ympotinte light saber: dêre, suffert. Fiif minuten fierderop seit in buordsje fan ‘fûgelbried- en rêstgebiet’, as kinne fûgels lêze, by in bûsdoekje oan boerewinstsucht ûntlutsen grûn, tusken súdlik de ôfgroeven terpen en noardlik de hûnderten hektares dêr’t de bassins al út bulldoazere binne foar Waddenglas dat net komt. Mids de kolossale griisbrune muorren fan deade klaai is immen sinleas oan it meanen. Op de reidsjongerkes nei komme hjir gjin fûgels.

Wy sizze, it is dus wol dúdlik hoe’t se by Bob Dylan komme, alhoe’t wy fan Fers2 oan de Sweedske Akadeemje ek oanbefelle hawwe: Aggie van der Meer, who else. Mar inkeld om’t wy tinke dat wy of ús fertsjintwurdigers meiprate mochten, fiele wy al draachflak foar it Nobelbeslút. Wat is draachflak ommers mear as it produkt fan beynfloeding fan ús kulturele ‘smaak’ troch politykekonomyske belangen—dêr’t wy nammers sels oan meidien hawwe. Want it literêr + literêrhistoarysk meast weardefolle dat Van der Meer makke, de digitale eksperimintele episoadyske koarte ferhalen Ho Wu en Misty Mac ha wy op papier útbrocht: in amper ûnbewuste beynfloeding en befêstiging fan de papierhegemony. Oan de positive kant, al is de Nobelpriis in polityk sinjaal, it redusearret literêre foarútgong net ta taal mar nimt kontekst mei en,Sjoch Wendell V. Harris, ‘What is literary “history”?’, College English 56:4 (1994) 434-451. ek wichtich: de nominearring is net in tombola.

It lân lit swalkjend wanbelied sjen: in kombinaasje fan kontrôletwang en in fergjende desynteresse. Fan in nasjonaal romtlik spriedingsbelied yn de jierren sechstich, nei tsien jier letter de provinsjaal plande groei fan de stêden / krimp yn ’e doarpen, in pear desennia it plan om wurkleaze Ljouwerters mei buskes nei de ûntfolke dus spotgoedkeape perifery te bringen foar in megalomaan kastúnbouprojekt op ierdwaarmte. Betink dat hjoed it oanpart ‘geothermal’ noch mar 4,5 persint is en de rest is âlderwetske seisoenskweek mei in pykrispinge yn de simmer, mei inkeld de hate Poalen dy’t ree wiene om dat rottige wurk ûnder tiidsdruk te dwaan, wylst de provinsje hurd nasjonalistysker en yntoleranter waard. En de finansjele crash moast noch komme, dy’t alles op slach ûneksplwatabel makke. No hoera! seit it follefretrûpke op de útdroege molbult foar ús fuotten. Wat no as Harns sizze soe fan mea maxima culpa, mar lit ús kompinsearje foar de smoarge haven en siikmeitsjende jiske-oene, lit ús de hektares oankeapje en weromjaan oan ’e natuer?

De like naïve #gysbertjapicxpriis-nigethawwer hâldt de smelle kar 2019 tsjin it ljocht en besiket de ratio te ûntdekken yn de list. It punt dat de provinsje alle pretinsjes falle lit is aaklik tichtby nei’t dy twa jier lyn oanstie op in drokbesochte media-show mei alle nominearren yn ’e arena en har hiele famylje deromhinne, dêr’t se dan pas ûntbleatsje wa’t wûn hie. Ien dichter makke beswier om’t soks foarby giet oan de belangen fan de nominearre (en de literatuer), mar krige in taart as er dêr fierder oer swijde. Foar GJ-priiswinner wolle se, lykas foar de Dichter fan Fryslân, in brand ambassador. Dus wêrom dreech dwaan as it simpel kin, alfabetysk nei útjouwersbedriuw, begjinnend by de A fan Afûk, trije titels op de smelle kar fan fiif, en de B fan Bornmeer, ien titel op de smelle kar.

Yn 1903 iepenet hjir it treinspoar, oanlein op de fan âlds sodsige boaiem dêr’t earme fiskers toeven en eallju swannejachten holden. It slút nei 33 jier al wer. Yn de jierren sechstich romje de machthawwers alles op. Skaalfergrutting en ruilferkaveling hearskje, en in nij tinken oer rekreaasje. Want it plebs begjint dêr ek mei, op syn manier, de tupperwarisation fan de natuer, brr: hoe dat fluch om te bûgen nei de fergriene-stjerring fan ’e kultuer. Mar de lânhaden fan de spoarbrêge lizze der noch, as twa maishintsjes op in bêd fan slaat. Under de laach koarstmoas hawwe se in mitsele tonneferwulf om de gigantyske draachkrêft nei boppen te leverjen dêr’t de trein fol jirpels dinderet. Grouwe stipemuorren yn in snoad mitselferbân en mei oan de wetterkant in natuerstien plint fange de sydlingse druk op. Dochs stiet it der net om syn monumintestatus—dat is in grapke—mar om’t it tefolle wurk is om it te slopen. Wy klimme derop en gean sitten op it restant grien glazuere estrikken en sjogge swarte reek út de REC.

Se sille moarn wol wer yn de krante sette fan neat te rêden: de kanarje falt net fan syn stokje.

Noaten

  1. ‘5 genomineerden Gysbert Japicxprijs 2019 (03-06-2019)’, Provincie Fryslân, 3 juny 2019, www.fryslan.frl/home/nieuws_3166/item/5-genomineerden-gysbert-japicxprijs-2019_17875.html, krigen 7 juny 2019.
  2. Jan Pieter Janzen, ‘De devaluaasje fan de Gysbert Japicxpriis’, de Moanne / Trotwaer 7 (2003) 44-46, 46.
  3. Sjoch Wendell V. Harris, ‘What is literary “history”?’, College English 56:4 (1994) 434-451.

Foaropwurd

Fers2 nû. 5.11, 2 juny 2019

Berltsum 1 jier letter

image Fers2

Op 20 maaie 2018 skreaune wy oer de Poalen yn Berltsum, in jier lyn dus, noch foar’t de kultuer, the key to evolution, de Fryske minske ferhefte en syn mienskip perfeksjonearre. No skriuwe wy opnij oer de Poalen yn Berltsum: wat is der feroare? [spoiler-alert!!] Neat.

It Poaleferhaal begjint mei de Berltsumer bruorren Jan en Frans Zeinstra. Elkenien ken har. Se stean op it trostomatebakje fan de Albert Heijn, dat ‘geurig & zoet’ yn alle húshâldens fan it lân komt en soms ek bliuwt, hjir neist it byldskerm mei wat kroantsjepinnen en inket deryn. Ut de eftergrûn fan har Greenhouse Dili wei gnize de Zeinstra’s ús mijen ta. Likegoed ferpoften se it om te dwaan wat doedestiids wisânsje like: it ophokken fan tydlik personiel foar de pykperioades yn ’e túnbou, mei syn tolven op in fletsje sûnder noed oer privacy, hygiëne en feiligens as bygelyks de stroom oerbelêstge rekket. De Zeinstra’s wolle har arbeiders fatsoenlik behannelje. Dat pakt ferkeard út.

Yn oparbeidzjen mei it útstjoerburo VZM en de gemeente Menameradiel—op 1 jannewaris 2018 opgien yn Waadhoeke—keapje de Zeinstra’s kavels yn Berltsum. Yn de nijbouwyk De Pôlle komme fjirtjin nijbouwenten, ornearre foar keamerferhier oan har ‘tientallen’ tydlike arbeiders, nei alle gedachten út Grikelân. Dan, yn febrewaris 2018, lûkt de nije gemeente Waadhoeke ynderhaast in âld plan fan Frjentsjeradiel út it argyf, foar in ienpersintsregel, 1 op ’e 100 huzen foar arbeidsmigranten, en stelt dermei in fluch plafond fêst foar har húsfêsting. Want der is in klacht kommen út de glandernije bewennersferiening op De Pôlle. Al wennet dêr feitlik noch gjin hûn, it kin neffens de bewenners net oars of der komt oerlêst. Ek stean mei safolle bûtenlanners op in klútjse de libberens en kohesy faai. De Fryske Nasjonale Partij ferdigenet de belangen fan de Pôllebewenners troch alles hinne, hoewol’t bliken fan oerlêst mankearje. Faaks lit ‘yllegaal wenjen’ him better sinjalearje. Der komt in blaailine.

Mar de Zeinstra’s hiene al in plafond ôfpraat mei de eardere gemeente, dat hja stelle in earlikere en effektivere oplossing út. Se bedoele: better as de oplossing om alle wurknimmers boppe it heapsteapse unilaterale plafond simpelwei yllegaal te ferklearjen. De útstjoerburo’s merke op dat se ferlet ha fan folle mear romte om al har bûtenlânske wurknimmers te bêdzjen. Dus hie dat earder sein, fan dat plafond. In tomatekweker út Bitgum protestearret.

De regels zijn nu te strak. Na een akkefietje moeten alle tuinders in gemeente Waadhoeke hiervoor boeten. De gemeente moet het vrij laten. Het is de omgekeerde wereld. In de crisis trok de gemeente aan ons om mensen aan het werk te zetten. Nu is er werk en komen ze met te veel regels.Tienke Wouda, ‘Waadhoeke bevriest controle huisvesting arbeidsmigrant’, Nieuwe Oogst, 28 septimber 2018, www.nieuweoogst.nl/nieuws/2018/09/28/waadhoeke-bevriest-controle-huisvesting-arbeidsmigrant, krigen 30 maaie 2019.

Ek warskôgje guon dat tomategroei him amper wat oanlûkt fan polityk. Om ’e nocht.

CDA-wethâlder Nel Haarsma wit net dat Waadhoeke net falt ûnder de “62% van de gemeenten [met] (enigszins) zicht op het aantal niet in de BRP ingeschreven arbeidsmigranten.”Expertisecentrum Flexwonen voor Arbeidsmigranten, ‘Rapportageonderzoek Voortgang huisvesting arbeidsmigranten 2015’, Flexwonen, desimber 2015, 34, flexwonen.nl/wpcms/wp-content/uploads/2016/10/Eindrapport-onderzoek-voortgang-huisvesting-arbeidsmigranten-2015.pdf, krigen 30 maaie 2019. Se wit feitlik hielendal net wêr’t de tomaten wei komme. As in tongerslach út in kleare loft steane der dan yn de simmer 2018 lykas as de simmer derfoar en dêr wer foar sirka 1200 arbeidsmigranten by de Waadhoeke op ’e stoepe om te tomateknippen yn ’e kassen. Haarsma har Waadhoekeplafond makket dat der 211 wenten beskikber binne foar 4 keamers, dus plak foar mar 844 arbeids­migranten. Berltsum hat syn maksimum fan tsien wenten, 40 wurknimmers.

Aldergelokst hat De Pôlle leechsteande wenten. Want it plafond fan in pear moanne earder twong de VZM en de Zeinstra’s om trije fan de fjouwer wenten dy’t se foar keamerferhier oan arbeids­migranten betocht hiene, wer te ferkeapjen. Mar se binne sa fakant as wat. Nei de simmer, yn septimber, skriuwt wethâlder Haarsma dat se wilens praat hat mei wurkjouwers en húsfêsters. Want der kaam gjin oerlêst! It 1 persintbelied foer ûnderbringen fan arbeidsmigranten blykt ûnwinsklik, ûnmooglik en fral ûnnedich. Se lit it los. Se hanthavenet ek net langer en bringt yn it omtinken dat boargemaster & wethâlders hieltyd sein ha dat it yn febrewaris fêststelde belied tydlik wie. It kolleezje wol no dat belied ferromje en: se sille alle belutsenen dêrfan persoanlik op de hichte bringe.

Hast altyd dogge oerheden by nij/fernijd belied in koart parse­berjochtsje de doar út. Rekkenje se op folksreboelje, lykas mei de ûntheffing fan it ferplicht ûnderwiis yn de Fryske taal, dan publisearje oerheden dat belied stiltsjes lyk foar it simmerreses. Mar tinke se dat de folkslilkens just komt om’t se simmers mûskoppe & belied bysteld ha: hja gean by alle doaren lâns en sizze it mei blommen.

It wurket averjochts út. Op de efterste poaten easkje de bewennersferieningen dat by it ienpersintsbelied bleaun wurdt. Okee okee okee. Se hie better mei de bewenners mûskopje moatten, seit Haarsma. Se hanthavenet wer neffens de ienpersint/tsienpersint/4bewenners. Se dielt wer boetes út, soarget dat de VZM syn trije fan de fjouwer wenten op De Pôlle no echt út de yllegaliteit hellet—lês: ferkeapet oan in kreas húshâlden—en skoot de glêsbou-eksplwataasjerisiko’s as gefolch fan it wanbelied moai werom nei de tomatekwekers.

Ek yn novimber 2018 kundiget Haarsma in wurkgroep Arbeidsmigranten oan. Oars as de namme tinken docht bestiet dy net út arbeidsmigranten. Begelaat troch in eksterne saakkundige, KAW Architecten, sitte der ôffurdigen fan doarpsbelangen yn, buert- en hierdersferieningen, wurkjouwers, útstjoerburo’s, partikuliere húsfêsters, wenkorporaasjes, arbeidsmigranten en de gemeente. De wurkgroep—dêr’t de gemeente dus sels yn sit; ferwachtsje gjin hegere wiskunde yn ’e Waadhoeke—adfisearret de gemeenterie oer it ûnderbringen fan tydlike bûtenlânske wurknimmers yn de Waadhoeke, yn in net-binend adfys. Oer de ûndemokratyske beslútfoarming seit gjinien wat yn de oanrin nei de provinsjale steate­ferkiezingen yn maart. Arbeidsmigraasje is der in issue yn om de húsfêstingskandalen. Mar it antypoalepopulisme lôget op: “Het probleem ligt bij de open grenzen die we in Europa hebben.”SP-fraksjefoarsitter Lilian Marijnissen by WNL Op Zondag, 24 febrewaris 2019. Jurriën Koops, ‘Anti-Polenpopulisme’, ABU, 26 febrewaris 2019, www.abu.nl/kennisbank/arbeidsmigratie/anti-polenpopulisme/, krigen 30 maaie 2019. PvdA Fryslân wiist op it net thús jaan fan de lokale oerheid as it om huzen foar arbeidsmigranten giet.

In de Leeuwarder Courant van 29 januari lazen wij dat er op korte termijn enkele grote wooncomplexen nodig zijn om honderden tijdelijke werkers in Heerenveen te huisvesten. Ook in andere Friese gemeenten, zoals Waadhoeke, speelt dit.

Op verschillende plekken ontstaan er problemen omdat de overheid niet ingrijpt.

De verantwoordelijkheid ligt in eerste instantie bij de bedrijven die de mensen inhuren en de overheid kan daarbij helpen.PvdA Provinciale Staten Friesland, ‘Geen Polenhotels, maar normale huisvesting tijdelijke werknemers’, PvdA Friesland, 12 febrewaris 2019, friesland.pvda.nl/nieuws/geen-polenhotels-maar-normale-huisvesting-tijdelijke-werknemers/, krigen 30 maaie 2019.

Laisser faire dus, alles oan de ekonomy oerlitte, mei ‘help’ fan de oerheid dy’t logyskerwize primêr de rjochten fan de yndividu beskermet. Dat de PvdA syn ideologyske fearren al lang lyn ôfskodde hat is bekend. Mar Waadhoeke stimt op de steate­ferkiezingen fan maart 2019 krêftich CDA, 19,8 persint en FvD, 13,3 persint. CDA Fryslân hat hielendal gjin stânpunt oer arbeidsmigranten. It lanlike CDA likemin, mar it hechtet histoarysk wearde oan it Nederlânsk boargerskip en it fermogen en de miening fan de minsken sels. Dat liket ien fan de redenen dat de oerheid yn Berltsum de frije merk mei frije fêstiging en frije arbeid yn Europa in ho taroppen hie: dy botste mei it brave boargerskip en de folksopiny. It FvD-stânpunt oer arbeidsmigranten is “Invoering GreenCard-systeem naar Amerikaans model voor tijdelijke arbeidsmigranten.” Dat betsjut skrassen fan Schengen en it frije ferkear fan persoanen dat no yn de Europeeske ekonomyske romte jildt en oanfreegjen fan in wurk- en ferbliuwsfergunning dy’t nei it takennen ek wer ynlutsen wurde kin. Stake, stiper fan ’e fakbûn? Tabee.

As der sa stimd wurdt, lykje net de foarkarren foar in ekono­mysk stelsel beskiedend, mar in útslutend wy-sy tinken: as ‘sy’ wat by ‘ús’ weihelje krije ‘wy’ minder as dat ‘ús’ takomt. Foar in ferkringingseffekt op de arbeidsmerk troch arbeidsmigranten is noch altyd gjin inkeld bewiis en oan ’e oare kant is har oanjeien fan ’e ekonomy wol bewiisd.Algemene Bond Uitzendondernemingen, ‘Arbeidsmigranten van groot belang voor Nederland. Whitepaper’, ABU, juny 2018, www.abu.nl/app/uploads/2019/02/Arbeidsmigranten-whitepaper-201805.pdf, krigen 30 maaie 2019. Fansels witte jo net oft minsken kies­programma’s lêze en beprakkesearje foar’t se stimme. Likegoed, “Bij de totstandkoming van een woonvisie mag iedereen zijn mening uiten en meepraten”, seit de Startnotysje mar de begjinsels fan dy ‘elkenien’ binne net ûndûbelsinnich gastfrij, noch rasjoneel noch pragmatysk. NL út Schengen tille is symboalpolityk mei blastige Calimero-retoryk (sy bin grut en ik is lyts en das net earlik o nee!).

Nederlân is tusken 1999 en 2008 gâns yntoleranter wurden, seit in Rand-rapport út 2014. Opmerklik is, steiler noch as “muslims” skeat “immigrants not as neighbor” omheech. Ek fariearje yntole­rânsjetrends binnen in lân en hingje gear mei in pear konkrete faktoaren. By makroekonomyske foarspoed, sosjale klasse, oplieding, grutte fan it sosjaal fangnet, kontakt mei de ‘oaren’ en sosjaal betrouwen giet de yntolerânsje omdel. By it sjen fan ekonomyske driging, âldens en it waarnimmen fan etnyske driging giet dy omheech. Ek fan belang binne jo politike rjochting en it boargerskipsrezjym.Jennifer Rubin, Jirka Taylor, Alexandra Pollitt, Joachim Krapels, Mafalda Pardal, ‘Intolerance in Western EuropeAnalysis of trends and associated factors’, Rand Europe, 2014, 18, 59, www.rand.org/content/dam/rand/pubs/research_reports/RR300/RR334/RAND_RR334.pdf, krigen 30 maaie 2019. Op in foarljochtingsjûn yn febrewaris oer wenten foar tydlike wurkers smyt in wurdfierder fan Berlikumer Belangen foar dat de oplossingen dy’t de saakkundigen oandrage wurkje yn de grutte stêden, mar de Waadhoeke hat fjirtich lytse doarpen.‘Waadhoeke laat zich adviseren bij knellende huisvesting arbeidsmigranten’, De Bewonersraad, 2 febrewaris 2019, www.debewonersraad.nl/waadhoeke-laat-zich-adviseren-bij-knellende-huisvesting-arbeidsmigranten, krigen 30 maaie 2019. Wylst in adfiseur harkje kinne moat, probleemoplosse en strategybouwe, bliuwt sa’n man bang en ûnbûchsum yn syn ‘bubble’ hingjen. Mar yn Fryslân bliuwe ekonomyske groei en opliedingsnivo beide efter by it lanlik gemiddelde—dat binne de wiere tûkelteammen: de Poalen binne mar in symboal en dogge it bêst, al fiele se har faak diskriminearre.

Dan bringt de NOS sifers fan it CBS nei bûten oer de ûnmisberens fan arbeidsmigranten yn de sitewaasje hjoed yn Nederlân, dêr’t alle útstjoerburo’s en oerheden it oer iens binne. Der moatte 50.000 arbeidsmigranten it jier by. “Zonder arbeidsmigranten loopt de economie hartstikke vast” seit de Brabânske deputearre Bert Pauli. Ommers, it giet om wurk dat Nederlanners net oanpakke kinne of wolle. Yn tsien jier, tusken 2007 en 2016, is it oantal Poalen dat hjir tydlik wurket omheech gien mei 156 persint.Thomas Kusters en Bas de Vries, ‘50.000 arbeidsmigranten per jaar erbij: ‘Anders loopt het hartstikke vast’ ’, NOS, 24 febrewaris 2019, nos.nl/artikel/2273310-50-000-arbeidsmigranten-per-jaar-erbij-anders-loopt-het-hartstikke-vast.html, krigen 30 maaie 2019. “Het risiso wat binnen mijn bedrijf aanwezig is, is dat als ik volgend jaar die mensen niet kan huisvesten, dan heeft het volgens mij geen zin meer om een glastuinbouwbedrijf te runnen hier”, seit Pieter Wijnen fan Wijnen Square Crops yn Grubbenvorst. Minister BZK Kajsa Ollongren seit yn deselde kampanjefideo:

En daarom moeten we tijdelijke woonruimte realiseren, flexibele woonruimte realiseren die juist specifiek voor deze mensen bedoeld is, die hier komen, een jaar, twee jaar, soms wat langer en vaak weer teruggaan naar het land waar ze vandaan kwamen. En voor die mensen moeten we andere oplossingen verzinnen. … Daar kunnen we toch echt meer aan doen.MinBZK, ‘Het belang van huisvesting voor arbeidsmigranten’, Youtube, 17 maaie 2019, www.youtube.com/watch?time_continue=7&v=FcD7XtDijX8, krigen 30 maaie 2019.

It hat noch gjin 140 views en 0 likes, mar it is sûnder mis hege need: arbeidsmigranten fertelle inoar wat de goeie wurkplakken binne. Is it wenjen min regele, dan gean se net nei Nederlân, c.q. Fryslân. In grut part fan de 1500 oant 2200 6-8moanne-arbeids­migranten yn de Waadhoeke komme alle jierren werom nei deselde wurkjouwer, seit it Expertisecentrum Flexwonen dat yn in Shoot the Messenger-konstruksje oanwiisd is om ynstee fan har eigen amtners foar Haarsma it telwurk te dwaan. As dy net mear komme is dat spitich foar de ekonomy. De útkomsten op basis fan it wurkgroepadfys moat dan ek fêstlein wurde yn in konventant—hee, de Zeinstra’s hiene dochs in konvenant mei Menameradiel, dat ynienen ferpolvere? Sa’t it grutste ynternasjonale útstjoerburo yn Europa seit, kinne jo de wenstige eangst yn de omkriten it bêste weinimme mei ynspraak en korrekte ynformaasje oer arbeidsmigranten.‘Tekort van 120.000 plekken voor arbeidsmigranten’, ABU, 11 april 2019, www.abu.nl/kennisbank/arbeidsmigratie/tekort-van-120-000-plekken-voor-arbeidsmigranten/, krigen 30 maaie 2019, earder ferskynd yn Uitzendwerk, april 2019. Mar konvenant? Ofspraken oer de yntinsje ta oparbeidzjen binne foar de rjochter amper te beoordieljen en faak weardeleas as ien fan ’e partijen net mear meidwaan wol; wylst in ienpersintsregel goed te kontrolearjen is en te bestraffen. Wat wolle se mei har wurkgroep­sesjes: stipe kreëarje foar steand belied à la wynmûne-ynformaasjejûn? Kofje, koekje, belofte fan wolfeart?

Dat lêste hinget de Waadhoeke subyt net mear boppe de holle nei’t yn oktober it Seisbierrumer kasseprojekt Waddenglas sneuvele. De nije eksplwatant, The Fruit Farm Group, lûkt him werom út de deal dy’t de provinsje en gemeente sletten hiene mei de eardere eksplwatant, Hartman. Hy keapet de 51 hektare grûn net oan, de Waadhoeke sit net allinne mei in kostepost fan 2,2 miljoen euro, mar ek mei 200 ekstra banen dy’t der net komme, en elkenien docht as seach er it net oankommen.

Foar de arbeidsmigranten dy’t dochs noch komme sykje se hurd om oplossingen. Begin jierren fyftich migrearre ús heale famylje nei Kanada—ús pake wie net wolkom want dy hie syn fyts weromstellen fan de Dútsers en sadwaande in strafblêd—en frappant is dat har behanneling dêr, as ûnmisbere arbeidsmigranten foar it swiere agraryske wurk, identyk is oan sa’t wy de arbeidsmigranten hjir no behannelje. Us omkes wiene wurkezels, it lean wie min en om’t it regear besteld wie mei de oare kant út sjen, holp de tsjerke mei ûnderdak yn kampeminten. Krektsa hat Nederlân in “parallelle samenleving”, seit de Poalske ambassadeur.

Ze participeren niet in de maatschappij. Ze zijn arbeidskrachten, en niet meer dan dat.

Ze zijn handel. Het is niet aan mij om Nederland te zeggen hoe ze de economie moet organiseren. Maar een fatsoenlijke behandeling van arbeidsmigranten, fatsoensnormen in de contracten, zou je wel moeten kunnen eisen.Robert Jan Speerstra, ‘Wethouder: infoavond ‘Polencompex’ Heerenveen was één grote aanfluiting’, Leeuwarder Courant, 2 maart 2019, www.lc.nl/friesland/Wethouder-infoavond-Polencompex-Heerenveen-was-één-grote-aanfluiting-24225839.html, krigen 3 maart 2019.

De noflike arbeidswetjouwing, seit er, jout de útstjoerburo’s romte om de arbeidsmigranten út te rûpeljen. De gemeenten moatte mear dwaan sadat de arbeidsmigranten har wolkom fiele: “Het begrip Polenhotel kom je echt uitsluitend in Nederland tegen.”Jan Willem Navis, ‘Poolse ambassadeur hekelt uitbuiting van landgenoten in Nederland’, AD, 14 maaie 2019, www.ad.nl/binnenland/poolse-ambassadeur-hekelt-uitbuiting-van-landgenoten-in-nederland~ad3f5e43/, krigen 30 maaie 2019.

Kampeminten op it hiem fan de wurkjouwer en yn rekreaasje­oarden ha wy krekt ôfwiisd om’t se net flattearje. Mar—behalven dat nea oan bouwen fan foldwaande lytse ûnderkommens begûn is—foar de koartferbliuwwurkers, it grutste skift, is de 200+-lokaasje de iennichste oplossing. Want dat skift wikselet fluch, de lju binne wer thús foar’t se oan yntegrearjen tinke koene, se ferfele har yn ’e wenwiken wylst op de grutte lokaasjes genôch te dwaan is, sadat dêr gjin ‘oerlêst’ komt; gjin eigenrjochting, nei útlânsk foarbyld stiennen troch Poalske ruten. Lykwols binne de bewenners bang om in arbeidsmigrant as buorman te krijen; se binne noch folle banger om him net as buorman te krijen mar him bûten har blikfjild by al syn soartgenoaten te legerjen. It Poalehotelinisjatyf op it Hearrefean dat ek Berltsum simmerdeis ûntlêstigje kin, lokt in petysje út om it ûnk te kearen. De inisjatyfnimmer reagearret

Als de gemeente als gevolg van deze commotie de stekker eruit trekt, dan gaat het nergens in de gemeente lukken. Dan weten mensen dat flink van de toren blazen loont om dit tegen te houden.‘Gemeente Heerenveen positief over hotel arbeidsmigranten: “We hebben deze mensen nodig”’, Omrop Fryslân, 1 maart 2019, www.omropfryslan.nl/nieuws/870822-gemeente-heerenveen-positief-over-hotel-arbeidsmigranten-we-hebben-deze-mensen-nodig, krigen 30 maaie 2019.

En dat is krekt wat der bart. Foarearst komt der gjin Poalehotel. Der bart ek neat oars. En/want de spesjale wurkgroep seach dat it Berltsumer belied sa gek noch net is.

Nei petearen mei hûnderten belutsenen hawwe se de gemeente it adfys jûn om it arbeidsmigranteplafond te lizzen dêr’t it antike Frjentsjeradielplan him al lei en in jier lyn gemeente Waadhoeke. Dat is by 1 persint fan de wenten yn it doarp, 10 persint fan de huzen yn in strjitte én de Poalewenten op syn minst 25 meter faninoar ôf, heakke de FNP—FNP ferbynt—dêr ferline jier fluch oan ta, en 4 man it hûs likefolle it oerflak. Ek moat de went oan in kwaliteitsnoarm foldwaan. Dat woene de Zeinstra’s ek en dat wie krekt wêr’t alle trammelant mei begûn.

It liket ûnwierskynlik dat de gemeenterie redenen fine sil om it adfys net op te folgjen, lykas: Mar tydlike smoarchwurkarbeiders binne ûnmisber foar ús dochs al tsjirmjende ekonomy. Of: Lykwols de wet garandearret har frije fêstiging, of: It binne gewoan minsken hear. Of: Der stean wol achttjin wenten + lizze in stikmannich kavels te keap yn Berltsum, in skytdoarp fan mar 2.522 ynwenners; en: Sloppe huzemerk betsjut legere wearde fan de ûnferkochte huzen → minder konsumpsje ensfuorthinne → minder ekonomyske groei. Dêrby: Yn de Waadhoeke is de huzepriis net wer wurden wat dy foar de finansjele krisis fan 2008 wie, mar 5 oant 10 persint leger, en: Moai foar de ‘starters’ giet net op want dy wolle sowieso yn ’e stêd wenje → lûk huzekeapers oan! Dy argumintaasje hearre wy in soad. ‘Nauwelijks krapte op Friese woningmarkt …’ kopt de Ljouwerter krante. Mar wy hearre dat just net yn ’e Waadhoeke.

Jo krije hast it idee dat se gewoan gjin Poalen wolle.

Noaten

  1. Tienke Wouda, ‘Waadhoeke bevriest controle huisvesting arbeidsmigrant’, Nieuwe Oogst, 28 septimber 2018, www.nieuweoogst.nl/nieuws/2018/09/28/waadhoeke-bevriest-controle-huisvesting-arbeidsmigrant, krigen 30 maaie 2019.
  2. Expertisecentrum Flexwonen voor Arbeidsmigranten, ‘Rapportageonderzoek Voortgang huisvesting arbeidsmigranten 2015’, Flexwonen, desimber 2015, 34, flexwonen.nl/wpcms/wp-content/uploads/2016/10/Eindrapport-onderzoek-voortgang-huisvesting-arbeidsmigranten-2015.pdf, krigen 30 maaie 2019.
  3. SP-fraksjefoarsitter Lilian Marijnissen by WNL Op Zondag, 24 febrewaris 2019. Jurriën Koops, ‘Anti-Polenpopulisme’, ABU, 26 febrewaris 2019, www.abu.nl/kennisbank/arbeidsmigratie/anti-polenpopulisme/, krigen 30 maaie 2019.
  4. PvdA Provinciale Staten Friesland, ‘Geen Polenhotels, maar normale huisvesting tijdelijke werknemers’, PvdA Friesland, 12 febrewaris 2019, friesland.pvda.nl/nieuws/geen-polenhotels-maar-normale-huisvesting-tijdelijke-werknemers/, krigen 30 maaie 2019.
  5. Algemene Bond Uitzendondernemingen, ‘Arbeidsmigranten van groot belang voor Nederland. Whitepaper’, ABU, juny 2018, www.abu.nl/app/uploads/2019/02/Arbeidsmigranten-whitepaper-201805.pdf, krigen 30 maaie 2019.
  6. Jennifer Rubin, Jirka Taylor, Alexandra Pollitt, Joachim Krapels, Mafalda Pardal, ‘Intolerance in Western EuropeAnalysis of trends and associated factors’, Rand Europe, 2014, 18, 59, www.rand.org/content/dam/rand/pubs/research_reports/RR300/RR334/RAND_RR334.pdf, krigen 30 maaie 2019.
  7. ‘Waadhoeke laat zich adviseren bij knellende huisvesting arbeidsmigranten’, De Bewonersraad, 2 febrewaris 2019, www.debewonersraad.nl/waadhoeke-laat-zich-adviseren-bij-knellende-huisvesting-arbeidsmigranten, krigen 30 maaie 2019.
  8. Thomas Kusters en Bas de Vries, ‘50.000 arbeidsmigranten per jaar erbij: ‘Anders loopt het hartstikke vast’ ’, NOS, 24 febrewaris 2019, nos.nl/artikel/2273310-50-000-arbeidsmigranten-per-jaar-erbij-anders-loopt-het-hartstikke-vast.html, krigen 30 maaie 2019.
  9. MinBZK, ‘Het belang van huisvesting voor arbeidsmigranten’, Youtube, 17 maaie 2019, www.youtube.com/watch?time_continue=7&v=FcD7XtDijX8, krigen 30 maaie 2019.
  10. ‘Tekort van 120.000 plekken voor arbeidsmigranten’, ABU, 11 april 2019, www.abu.nl/kennisbank/arbeidsmigratie/tekort-van-120-000-plekken-voor-arbeidsmigranten/, krigen 30 maaie 2019, earder ferskynd yn Uitzendwerk, april 2019.
  11. Robert Jan Speerstra, ‘Wethouder: infoavond ‘Polencompex’ Heerenveen was één grote aanfluiting’, Leeuwarder Courant, 2 maart 2019, www.lc.nl/friesland/Wethouder-infoavond-Polencompex-Heerenveen-was-één-grote-aanfluiting-24225839.html, krigen 3 maart 2019.
  12. Jan Willem Navis, ‘Poolse ambassadeur hekelt uitbuiting van landgenoten in Nederland’, AD, 14 maaie 2019, www.ad.nl/binnenland/poolse-ambassadeur-hekelt-uitbuiting-van-landgenoten-in-nederland~ad3f5e43/, krigen 30 maaie 2019.
  13. ‘Gemeente Heerenveen positief over hotel arbeidsmigranten: “We hebben deze mensen nodig”’, Omrop Fryslân, 1 maart 2019, www.omropfryslan.nl/nieuws/870822-gemeente-heerenveen-positief-over-hotel-arbeidsmigranten-we-hebben-deze-mensen-nodig, krigen 30 maaie 2019.

Foaropwurd

Fers2 nû. 5.10, 19 maaie 2019

Skriuwe skriuwe skriuwe tsjin it ekstreemrjochts populisme

image Fers2

E-mail fan Miljeudefinsje: “Wêromst wól te stimmen gean moast foar de Europeeske Ferkiezingen.” De opkomst foar it kiezen fan de leden fan it Europeeske parlemint is notoir leech: mar ien fan de trije stimt. De measte Europeeske net-stimmers foar de EU hawwe gjin niget oan of betrouwen yn de polityk yn it algemien; oan Europa leit it net spesjaal.TNS, Postelectoraal onderzoek 2014 Europese verkiezingen 2014 (Brussel 2014), www.europarl.europa.eu/pdf/eurobarometre/2014/post/post_2014_survey_analitical_overview_nl.pdf, krigen 15 maaie 2019. Miljeudefinsje wol dat de fersmoargjende bedriuwen meibetelje oan it klimaat, want dat dogge se mar in hiel lyts bytsje, en dat jo dêrom gean te stimmen. Carbon tax pronket opnij yn de kampanjes, mar waard goed tweintich jier lyn yn de EU al ûnderúthelle troch de yndustrylobby en sûnt is it by goede bedoelingen bleaun. Hoefolle betrouwen moatte jo dan hawwe yn de EU, kwa yndustrymiljeuheffing? En wêr’t se ek net oan tinke is dat ien op de fjouwer minsken yn Europa populistysk stimt.Paul Lewis, Seán Clarke, Caelainn Barr, Josh Holder en Niko Kommenda, ‘Revealed: one in four Europeans vote populist’, The Guardian, 20 novimber 2018, https://www.theguardian.com/world/ng-interactive/2018/nov/20/revealed-one-in-four-europeans-vote-populist, krigen 16 maaie 2019.

Pro-populisten, 1:3, wurde in bytsje foarsein troch oplieding en leech ynkommen mar se sitte oeral. Jo meie oannimme dat fan de fjirtich Fryske skriuwers dy’t der binne, tsien in rochts-populistyske EU-partij kieze, as se stimme. Wa’t se binne docht der net ta mar op it ein fan Swallows + floating horses binne der sa’n soad populisten by jo lâns strutsen, dat jo hoopje dat it net wier is wat it AD orakelet, dat tongersdei wol 54 persint fan de kiezers “zeker weet te gaan stemmen.”‘Meer kiezers gaan stemmen bij komende Europese verkiezingen’, AD, 2 maaie 2019, www.ad.nl/binnenland/meer-kiezers-gaan-stemmen-bij-komende-europese-verkiezingen~aa7ebfb6/, krigen 15 maaie 2019. Want foar populisten hat it klimaat gjin prioriteit. De measte rjochtspopulistyske partijen yn Europa belide de opfetting dat der gjin ferlet is fan aksje tsjin de klimaatsferoaring, of se ûntkenne dat de klimaatferoaring makke wurdt troch minsken, of sels dat dy bestiet.

Der is amper mear CO2 bykommen sûnt de yndustriële revolúsje, en leit dat benammen oan de minske? Nee, sei Wilders op it klimaatdebat fan 5 febrewaris. Wilders syn PVV ferlear freeslik op de provinsjeferkiezingen yn maart, mar no prob, want hy tsjinne tegearre mei ekstreemrjochtstriomfator Baudet in moasje yn tsjin de “ideologische geldklopperij die … door die patsers van de VVD zal worden neergelegd” a.k.a. klimaatakkoart.Arnews, ‘Geert Wilders “Ideologische geldklopperij door VVD-patsers” - Debat Klimaatakkoord’, Youtube, 5 febrewaris 2019, 2:12-2:22, www.youtube.com/watch?v=xLZKousK334, krigen 15 maaie 2019. Op dit stuit binne der noch grutte ferskillen tusken de rjochtspopulistyske partijen yn de EU. Mar as hja it meiinoar lykfine op it mêd fan it klimaat dan kinne hja it Europeeske miljeubelied earnstich bedriigje.Stella Schaller en Alexander Carius, ‘Convenient Truths – Mapping climate agendas of right-wing populist parties in Europe’, Adelphi, 26 febrewaris 2019, www.adelphi.de/de/system/files/mediathek/bilder/Convenient%20Truths%20-%20Mapping%20climate%20agendas%20of%20right-wing%20populist%20parties%20in%20Europe%20-%20adelphi.pdf, krigen 16 maaie 2019.

Se hoege bygelyks mar mei syn allen in kweadebist oan te wizen. Wilders neamt D66-er Rob Jetten hypokryt: hymjend iverje foar CO2-taks foar de yndustry, mar wilens sels altyd ûnderweis mei de fleanmasine. Yndie net in goed eksimpel, mar faaks plantet Jetten de hiele eftertún braaf fol mei kompinsaasjebeammen (lês: lit syn man dat dwaan). Mar hup, ynienen gie it debat net mear oer big air corp en alle oare fersmoargjende yndustry, mar oer de boarger syn fleanmasinereiskes. Al dy Fryske skriuwers dy’t oeral hinne fleane moatte, Brussel, Ierlân: boe! Gelokkich hat útjouwerij HotSum in reisferslachwedstriid betocht, dy’t net mei de fleanmasine mei en by de ynstjoering moat in foto ta bewiis fan jo net-hypokrisy. Pff, hè. Mar lekker fingerwizen en lytsboargerlik moralisearjen ferhoalet it echte gefaar: de rjochtspopulistyske folksmennerij dy’t hieltyd it debat deadet.

Skriuwers wolle dêr net tsjin stride?

Eh… Wy hawwe, ik haw, ek net skreaun dat de hiele ûnderwiis-apaty, tolve jier dwaan wolle oer it ôftwingen fan ûnderwiis yn de Fryske taal, dat, nota bene, al ferplichte is by de lanlike ûnderwiiswet, delkaam op populisme. Ommers, it hammerjen op draachflak by it folk gie sûnder in demokratysk proses en mei behâld fan de bossy power fan skoalkoepel­bestjoeren. Der wie in retoryk fan harkje wollen nei de gewoane heiten & grutske memmen, en in no-no-no oant fijannigens ta nei de rânestêd­pommerant Geert Driessen dy’t úthâldt dat it min giet mei it Frysk. As de Volkskrant meldt dat it Drachtster Lyceum in sjarmeoffinsyf foar it Frysk wol en “rolmodellen, daar gaat het om”, lykas it fotomodel Doutzen Kroes, mei in royaal plaatsje derby fan de bedoelde boarstpartij, seit gjin skriuwer dat soks it debat oer it Frysk namste drastysker de nekke omdraait.Jurre van den Berg, ‘Friese taal dreigt uit te sterven: Het is ‘fiif foar tolve’ ’, de Volkskrant, 14 oktober 2016, www.volkskrant.nl/nieuws-achtergrond/friese-taal-dreigt-uit-te-sterven-het-is-fiif-foar-tolve~b6f799d5/, krigen 16 maaie 2019. Nimmen skriuwt dat eangst—‘se sjogge it Frysk as in boeretaal’—en demagogy krekt is dêr’t populisten op spylje, ynstee fan in konstruktive maatskiplike dialooch rjochte op it ferbetterjen fan elkenien syn libben.

Hoe grut oft de spanningen yn de Europeeske Uny binne is wier net in Frysk literêr tema. Mar wilens is brexit hielendal net it slimste dat it Europarlemint oan ’e holle hat. Earst, sizze se yn har Ten issues to watch in 2019, sil mei as gefolch fan brexit it parlemint hiel oars gearstald wêze. Raamd is dat de tradisjonele bestjoerskoalysje fan de sintrumrjochtse Europeeske Folkspartij (EPP) en de sintrum-loftse Progressive Alliânsje fan Sosjalisten en Demokraten (S&D) goed 100 sitten ferlieze sille fan de 404 dy’t se no hawwe. Dêrmei sille se har earste en twadde plak yn it parlemint wol hâlde, mar euroskeptyske partijen sille flink winne. De Italjaanske lieder Salvini syn antymigrante- en euroskeptyske partij Lega kin it tredde plak yn it parlemint ynnimme. Twad,

the expected rise of anti-establishment parties across the EU, which might not be willing to reinforce the EU institutions and relaunch EU policies, could make any meaningful attempt difficult to implement. In a broader perspective, the EU, particularly on the occasion of the 2019 European elections, needs to find a positive narrative in order to reignite the European project.Étienne Bassot / European Parliamentary Research Service, ‘Ten issues to watch in 2019: In-depth analysis’, European Parliament, jannewaris 2019, 5, www.europarl.europa.eu/RegData/etudes/IDAN/2019/630352/EPRS_IDA(2019)630352_EN.pdf, krigen 15 maaie 2019.

De ‘anty-establishment partijen’ binne de lju dy’t har keare tsjin de fêstige systemen, en dêrby it ynstitút Europeeske Uny. Komt it ‘roaskleurige ferhaal’ der net, dan stiet de takomst fan de Europeeske Uny faai. De belangen fan de ferkiezingen tongersdei binne libbensgrut. Want de anty-Europeanen sette ta op it winnen fan mear as twatredde part fan de sitten yn it Europeesk parlemint, skriuwt de European Council on Foreign Relations ûnder de neat oan de fantasy oerlittende titel The 2019 European election: How anti-Europeans plan to wreck Europe and what can be done to stop it.Susi Dennison en Pawel Zerka / , ‘The 2019 European election: How anti-Europeans plan to wreck Europe and what can be done to stop it’, ECFR, febrewaris 2019, www.ecfr.eu/specials/scorecard/the_2019_European_election, krigen 15 maaie 2019.

De gefaren fan euroskepsis binne rûchwei beliedsûnwissens en proteksjonisme. Euroskepsis lit de Europeeske yntegraasje stadiger rinne. In ferdield Europa is swakker en minder by steat om in fêste koerts te farren njonken de supermachten Amerika en Sina of om net in spylbal fan dy har hannels- en ‘tech’-oarloggen te wurden. De EU avensearret amper mei syn ûnderhanneljen mei Sina. Itaalje is al op eigen manneboet mei har oan it praten slein, wat net helpt. Hannel, foar alle dúdlikens, betsjut wolfeart. As lêste, wol Brussel effektyf bliuwe yn it ôfslaan fan drigingen fan bûten, lykas de klimaatferoaring, dan kin it de oanwaaks fan radikaal rjochts min brûke.

It ding is, der is net allinne euroskepsis. De euroskeptisy wolle nammentlik net in ‘nexit’. Ferwoeden eurokritikus Baudet gie net mei yn de PVV-moasje ein maart, dy’t it regear fersocht om it fuortgean fan Nederlân út de EU oan te kundigjen. De PVV sels is lid fan de euroskeptyske en populistyske fraksje Europa fan Naasjes en Frijheid (ENF) dy’t likemin út is op direkte ûntbining fan ’e EU. Net allinne is in nexit minder populêr nei de soap om de brexit hinne. Mar if you can’t beat them join them: wat se wolle is in herfoarming fan de EU fan binnenút. Forum voor Democratie wol nei de ferkiezingen foar it Europeesk Parlemint oanslute by de fraksje Europeeske Konservativen en Herfoarmers (ECR).

Het Europese project staat op een kruispunt: VVD, CDA, D66, etc. willen – of gedogen – het geleidelijk opgaan van Nederland in een continentale superstaat. #FVD wil de macht terug van Brussel naar Den Haag en ons land weer soeverein. Op 23 mei is de keuze aan u!Thierry Baudet (@thierrybaudet), Twitter, 9 maaie 2019.

twitteret Baudet. Op de Forumwebside skriuwt er dat it doel is om de foarming fan in Europeeske supersteat te stoppen. Om’t de euroskeptisy in Brussel “hopeloos” ferdield wiene, skriuwt er, slaggen “de fanatici” Verhofstadt, Juncker en Timmermans deryn om hieltyd mear macht te sintralisearjen en de nasjonale steaten te “ondermijnen”. Dêrom wol er meiinoar “blokkerende minderheden” foarmje.‘FVD bouwt eurosceptische alliantie om Timmermans en Verhofstadt te stoppen’, Forum voor Democratie, 28 febrewaris 2019, forumvoordemocratie.nl/actueel/fvd-bouwt-eurosceptische-alliantie-om-timmermans-en-verhofstadt-te-stoppen, krigen 16 maaie 2019.

Dat dy der net binne is in leagentsje; wierheid is dat Forum der net samar wolkom is. Want yn ’e ECR sitte ek SGP en ChristenUnie. Baudet, seit de ChristenUnie, woe Nederlân altyd út de Uny ha en wol dy feitlik net herfoamje mar brekke. Baudet syn migraasje­stânpunt en pro-Poetinhâlding botse yn de ECR mei de Poalske populistyske Wet en Rjochtpartij (PiS). Wat de hopeleazens oangiet, de rjochtspopulistyske Hongaarsje Fidesz is is útsletten om syn haatske posteraksje tsjin de Europeeske Kommisjefoarsitter Jean-Claude Juncker, mar lid fan de rjochtse Europeeske Folkspartij (EPP). De PVV is lid fan in wer in oare fraksje fan frisse jonges, de ENF, dêr’t ek de Eastenrykse FPÖ, Marine Le Pen har Franse Rassemblement National (earder Front National), it Belgyske Vlaams Belang en de Italjaanske Lega Nord yn sitte.

Dy ENF kin, sa’t de Ten issues al foarseine, troch de weach fan populariteit fan de Lega, no de earste partij fan Itaalje, hast ferdûbelje fan 35 nei 67 sitten.Neffens in peiling útbrocht op 9 maart 2019 troch de Dútske krante Bild, útfierd yn seis lannen fan ein febrewaris oant begjin maart. Dêrom gie Baudet ein febrewaris nei Parys. Op de gearkomste fan ‘eurorealisten’ wie ek de man dy’t Frankryk út de EU en werom nei de franc ha wol en Walloanje wer ferienje mei Frankryk, Nicolas Dupont-Aignan. Hy wol besykje om syn ECR en te ferbinen mei ENF. Josse de Haan stoerde dalik in kranteknipsel.

image Fers2 rjochtspopulisme

De Haan is de iennichste Fryske skriuwer dy’t de earnst fan de saak ynsjocht. Tajûn, út it net-Fryske kaam ek amper lûd. Grand hotel Europa fan Ilja Leonard Pfeijffer lit faaks moai sjen hoe’t it Europeeske erfskip plastifisearre & eksplwatearre wurdt foar it toerisme, mar giet nostalgysk oer kultuer en net oer polityk. Robert Menasse syn Die Hauptstadt is wol polityk mar te absurd en kluch­tich en dêrtroch te tillich oer in ferskynsel as in ekstreemrjochtse ksenofobe partij mei 92—twaennjoggentich—sitten yn de Bundestag. Mar Willem Verf giet de hiele EU-stress út de wei mei de fokus op in Fryslân dat nea bestie, want dat yn ’t echt altyd in antyrevolúsjonêre en CDA-provinsje west hat om’t de boeremacht it sosjalisme hieltyd súksesfol de kop yndrukte. Hein-Jaap Hilarides syn Trekker fan Troje nimt Brussel as antagonistyske setting, mar lit de waaksende macht fan de skjinne Helena neist har Menelaos folslein bûten beskôging. De held hie ynstee fan fikkystoke yn B. likegoed PVV stimme kinnen en sa de hiele EU opblaze—yn werklikens keazen hiel wat boeren yn ’e bouhoeke al populistysk-eurokritysk. Brexit wie al oankundige. Juncker hie al not amused opmurken: “Never before have I seen national governments so weakened by the forces of populism.”Ylenia Gostoli, ‘European elections could reveal popularity and chaos of populists’, Al Jazeera, 7 maaie 2019, www.aljazeera.com/indepth/features/european-elections-reveal-popularity-chaos-populists-190506214543328.html, krigen 16 maaie 2019.

Hy koe net witte dat it noch slimmer wurde soe om’t brexit der no net is. Hy doelde mei populisme op “anti-establishment” dat stribbe nei it slopen fan de EU, en makke dêrby gjin ferskil tusken lofts- en rjochtspopulisme. Want populisme, seit ekspert Cas Mudde, is

a thin-centered ideology that considers society to be ultimately separated into two homogeneous and antagonistic camps, “the pure people” versus “the corrupt elite,” and which argues that politics should be an expression of the volonté générale (general will) of the people.Cas Mudde en Cristóbal Rovira Kaltwasser, Populism: A very short introduction (Oxford / New York 2017) 6.

Mar loftspopulisme is hast ferdwûn út Europa. De Movimento 5 Stelle yn Itaalje, dy’t syn súkses fêstige op de bewearing dat lofts en rjochts net langer bestean, fjochtet om oerein te bliuwen nei de winst fan de rjochtspopulistyske Lega. Oars as dat Juncker—en wa net—tocht, docht de United Kingdom wol mei oan de ferkiezingen. De ekstreemrjochtse UK Indepencence party is dan wol aardich ferswakke, mar Nigel Farage lansearre yn april syn rjochts­populistyske Brexit Party, spesjaal foar de EU-ferkiezingen. Marine Le Pen hat mei har radikale wonder-boy Bardella it doel ferlein fan fuortgean nei feroaring fan Europa fan binnenút: hja bliuwt. De euroskeptisy binne meast ekstreemrjochtse populisten. Twa op ’e fjouwer Fryske skriuwers soene no dochs like alarmearre wêze moatte as De Haan? Of hoecht dat net om’t yn e krante stie dat de lânseigen ekstreemrjochtsen, thanx Pim F., net sa LGBT-foob binne as oare de Europeeske, dat gjin noed, of sa?

De populistyske ekstreemrjochtse partijlieders, Wilders derby, kamen yn april gear yn Praach. Want hiel Europa sjocht op dit stuit in eksplosive groei fan rjochtse anty-EU-bewegingen. Alle fjouwer Visegrád-lannen, Tsjechië, Hongarije, Poalen en Slowakije wurde besjoerd troch populistyske partijen. De fûl nasjonalistyske antymigraasjepartij Sweden Demokraten, dy’t woartelet yn ’e neo-Nazibeweging en yn 1998 mar 0,4 persint fan de stimmen wûn, skoarde yn 2018 17,6 persint. De rjochtspopulisten bûten de koalysjes hâlde, sa’t de oare Skandinavyske partijen dat diene, kin net mear. De Deenske Folkspartij skoarret al sûnt 2015 it regear. Yn Noarwegen sit de Fuortgongspartij yn ’e koalysje en yn Finlân de Blauwe Herfoarmpartij. Yn Nederlân kaam it Forum foar Demokrasy mei sa’n jodelyo binnen dat se dy likemin isolearje kinne. Fan dat momentum meitsje Wilders & kollega’s gebrûk en sykje in fiktoarje yn de Europeeske ferkiezingen sa’t de skiednis noch nea sjoen hat.

De ENF-faksje hat no, neffens de peilingen, de kâns om ien fan de sterkste blokken te foarmjen yn it EU-parlemint. Dat bolwurk fan ekstreemrjochts-populistyske naysayers makket it mooglik, seit Tomio Okamura, partijlieder fan de Tsjechyske Frijheid en Direkte Demokrasy (SPD), om fûnemintele feroaringen troch te fieren dy’t rjochte binne op it garandearjen fan ’e frijheid en soevereiniteit fan de aparte Europeeske steaten, sûnder befellen út Brussel wei. It EU-systeem bedimje, koartsein. Want wat moatte de soevereinisten fan Uny dat se net wolle? Ekstreemrjochtse populistyske partijen beskuldigje fan âlds de mainstream partijen en de elite dat dy de nasjonale macht en belangen efterstelle by ynternasjonale gearwurking. Belied, lykas carbon tax, mei der fan har krekt komme as dat goed is foar inkeld it eigen kearnfolk. Mar, in grutte enkête fan YouGov en de ECFR lit sjen dat 23 persint fan de Nederlanners dit in goeie útkomst fan de EU-ferkiezingen achtet: mislearjen fan ekstreemrjochts.Ivan Krastev, Mark Leonard en Susi Dennison / European Council on Foreign Relations, ‘What Europeans really want: Five myths debunked’, ECFR, april 2019, www.ecfr.eu/specials/what_europeans_really_want_five_myths_debunked, krigen 17 maaie 2019. Dy iene op de fjouwer skriuwers soe syn agit-prop dêrfoar dochs op alle muorren skriuwe kinne?

It is amper in ferromming dat, sa’t de ECFR seit, de ferkiezingen net in referindum oer ymmigraasje binne en net inkeld gean oer in iepen Europa of werom nei de sletten steaten fan in ieu lyn, en ek net allinne oer it klimaat, mar nee hear, benammen oer islamitysk ekstremisme en migraasje.Ivan Krastev, Mark Leonard en Susi Dennison / European Council on Foreign Relations, ‘What Europeans really want: Five myths debunked’, ECFR, april 2019, www.ecfr.eu/specials/what_europeans_really_want_five_myths_debunked, krigen 17 maaie 2019; Wilmer Heck, ‘Waar maakt een Roemeense kiezer zich druk om? En een Spaanse?’, NRC, 17 maaie 2019, www.nrc.nl/nieuws/2019/05/17/elk-land-heeft-zijn-eigen-eu-a3960674, krigen 18 maaie 2019. Op 27 maaie is de ferkiezing fan de 75 sitten yn ús Earste Keamer. De steateferkiezingen dêrfoar giene wol oer klimaat, mei GrienLinks as súksesfolste ferkeaper fan de urginsje en Baudet sawat like handich útsutelder fan ‘klimaathystearje’. It leverje it Forum 11 sitten plus mooglik 1 of 2 restsitten op. De PVV krijt 5. Meiinoar jout dat sa’n sinister rjochtspopulistysk blok, dat de wegering fan de oare partijen om struktureel mei harren op te arbeidzjen lang net gerêststelt. Want de swierrichheid is net dat populisten nea konkrete alternativen en oplossingen biede om’t se mêkjende ien-saakpartijen binne, mei kar út Brek de elite, Slút de grinzen en Smoar de islam.

De swierrichheid is normalisearring. Want rjochtspopulisme is net langer te marzjinalisearjen. De grûnstof fan populisme, publike opinys en persepsjes mei primitive symbolyk lykas holdoekjes, likegoed as de rjochtsradikale uteringen fan yntolerânsje, islamo­foby, klimaatûntkenning en struien mei misynformaasje, wurde gewoan. It wrâldbyld, tusken hieltyd nije kweadebisten en net wier te meitsjen tasizzingen, is ien fan krêftige lieders, dy’t jo alles fertelle wat jo nedich hawwe en prate foar alle gewoane minsken. De liedslju harkje ek, nei wa’t sy sels rekkenje ta it folk, fansels net nei it ûnfolk, en nea nei wittenskippers en sjoernalisten want dy binne elitêr, dus lige—behalve as klimaatsifers út in fergetten laad fan de NASA ynienen te pas komme. Mar sizze dat soks gjin konstruktyf petear mooglik makket en dus geen demokrasy, wa docht dat noch, hin skriuwer? Rjochtspopulisme wurdt sa gewoan dat warskôgje foar syn krupsjes, de identiteits­polityk dy’t útsluting + konflikt kweket en de net-nuansearre beneieringen lykas muorren om lannen ensafuorthinne, de ûnbeslisten ûnder ús earder opskoot nei de pro-rjochtspopulisten ta.Mina Al-Oraibi, ‘It’s difficult to tackle the rise of populism when it’s so hard to define’, The National, 19 maart 2018, www.thenational.ae/opinion/comment/it-s-difficult-to-tackle-the-rise-of-populism-when-it-s-so-hard-to-define-1.714457, krigen 17 maaie 2019.

Wa praat & wa is it dêr’t nei harke wurdt, dat is yn fierhinne rjochtspopulistyske kriten de kearn fan de hjoeddeiske estetyk en polityk. It festivalmodel is typysk populistysk. It set de taskôger del as in passive ûntfanger yn kontrast ta de aktive sprekker/dogger. Tagelyk is de iennichste ‘frijheid’ fan ekspresje dy’t se dy keunst­ner tastean om syn ynspiraasje of ynformaasje hapklear oer te dragen op it publyk. Foar keunst as opnij ferdielen en ûntoarderjen,Jacques Rancière, The emancipated spectator, oers. Gregory Elliott (Londen / New York 2009) 14-18. ynstee fan “alle inwoners van de gemeente op een laagdrempelige en toegankelijke wijze in aanraking heeft laten komen met cultuur”,‘Er is behoefte aan een kritische dichter in Leeuwarden’, Leeuwarder Courant, 14 maaie 2019, www.lc.nl/friesland/Er-is-behoefte-aan-een-kritische-dichter-in-Leeuwarden-24452991.html, krigen 15 maaie 2019. sil de skriuwer skriuwe moatte as skriuwer, net as fehikel, en net inkeld boeken mar blogs, kollums, en him minge yn iepenbiere diskusjes, fraachpetearen dwaan en net oer identiteit en fleanreiskes, mar op alle mooglike plakken hieltyd wer syn stânpunt oer de frijheid fan ekspresje nei foaren bringe, in alternatyf is der net: foar it mislearren fan it rjochtspopulisme tongersdei en foargoed. Blinder.

Noaten

  1. TNS, Postelectoraal onderzoek 2014 Europese verkiezingen 2014 (Brussel 2014), www.europarl.europa.eu/pdf/eurobarometre/2014/post/post_2014_survey_analitical_overview_nl.pdf, krigen 15 maaie 2019.
  2. Paul Lewis, Seán Clarke, Caelainn Barr, Josh Holder en Niko Kommenda, ‘Revealed: one in four Europeans vote populist’, The Guardian, 20 novimber 2018, https://www.theguardian.com/world/ng-interactive/2018/nov/20/revealed-one-in-four-europeans-vote-populist, krigen 16 maaie 2019.
  3. ‘Meer kiezers gaan stemmen bij komende Europese verkiezingen’, AD, 2 maaie 2019, www.ad.nl/binnenland/meer-kiezers-gaan-stemmen-bij-komende-europese-verkiezingen~aa7ebfb6/, krigen 15 maaie 2019.
  4. Arnews, ‘Geert Wilders “Ideologische geldklopperij door VVD-patsers” - Debat Klimaatakkoord’, Youtube, 5 febrewaris 2019, 2:12-2:22, www.youtube.com/watch?v=xLZKousK334, krigen 15 maaie 2019.
  5. Stella Schaller en Alexander Carius, ‘Convenient Truths – Mapping climate agendas of right-wing populist parties in Europe’, Adelphi, 26 febrewaris 2019, www.adelphi.de/de/system/files/mediathek/bilder/Convenient%20Truths%20-%20Mapping%20climate%20agendas%20of%20right-wing%20populist%20parties%20in%20Europe%20-%20adelphi.pdf, krigen 16 maaie 2019.
  6. Jurre van den Berg, ‘Friese taal dreigt uit te sterven: Het is ‘fiif foar tolve’ ’, de Volkskrant, 14 oktober 2016, www.volkskrant.nl/nieuws-achtergrond/friese-taal-dreigt-uit-te-sterven-het-is-fiif-foar-tolve~b6f799d5/, krigen 16 maaie 2019.
  7. Étienne Bassot / European Parliamentary Research Service, ‘Ten issues to watch in 2019: In-depth analysis’, European Parliament, jannewaris 2019, 5, www.europarl.europa.eu/RegData/etudes/IDAN/2019/630352/EPRS_IDA(2019)630352_EN.pdf, krigen 15 maaie 2019.
  8. Susi Dennison en Pawel Zerka / , ‘The 2019 European election: How anti-Europeans plan to wreck Europe and what can be done to stop it’, ECFR, febrewaris 2019, www.ecfr.eu/specials/scorecard/the_2019_European_election, krigen 15 maaie 2019.
  9. Thierry Baudet (@thierrybaudet), Twitter, 9 maaie 2019.
  10. ‘FVD bouwt eurosceptische alliantie om Timmermans en Verhofstadt te stoppen’, Forum voor Democratie, 28 febrewaris 2019, forumvoordemocratie.nl/actueel/fvd-bouwt-eurosceptische-alliantie-om-timmermans-en-verhofstadt-te-stoppen, krigen 16 maaie 2019.
  11. Neffens in peiling útbrocht op 9 maart 2019 troch de Dútske krante Bild, útfierd yn seis lannen fan ein febrewaris oant begjin maart.
  12. Ylenia Gostoli, ‘European elections could reveal popularity and chaos of populists’, Al Jazeera, 7 maaie 2019, www.aljazeera.com/indepth/features/european-elections-reveal-popularity-chaos-populists-190506214543328.html, krigen 16 maaie 2019.
  13. Cas Mudde en Cristóbal Rovira Kaltwasser, Populism: A very short introduction (Oxford / New York 2017) 6.
  14. Ivan Krastev, Mark Leonard en Susi Dennison / European Council on Foreign Relations, ‘What Europeans really want: Five myths debunked’, ECFR, april 2019, www.ecfr.eu/specials/what_europeans_really_want_five_myths_debunked, krigen 17 maaie 2019.
  15. Ivan Krastev, Mark Leonard en Susi Dennison / European Council on Foreign Relations, ‘What Europeans really want: Five myths debunked’, ECFR, april 2019, www.ecfr.eu/specials/what_europeans_really_want_five_myths_debunked, krigen 17 maaie 2019; Wilmer Heck, ‘Waar maakt een Roemeense kiezer zich druk om? En een Spaanse?’, NRC, 17 maaie 2019, www.nrc.nl/nieuws/2019/05/17/elk-land-heeft-zijn-eigen-eu-a3960674, krigen 18 maaie 2019.
  16. Mina Al-Oraibi, ‘It’s difficult to tackle the rise of populism when it’s so hard to define’, The National, 19 maart 2018, www.thenational.ae/opinion/comment/it-s-difficult-to-tackle-the-rise-of-populism-when-it-s-so-hard-to-define-1.714457, krigen 17 maaie 2019.
  17. Jacques Rancière, The emancipated spectator, oers. Gregory Elliott (Londen / New York 2009) 14-18.
  18. ‘Er is behoefte aan een kritische dichter in Leeuwarden’, Leeuwarder Courant, 14 maaie 2019, www.lc.nl/friesland/Er-is-behoefte-aan-een-kritische-dichter-in-Leeuwarden-24452991.html, krigen 15 maaie 2019.

Fers2 nû. 5.9, 5 maaie 2019

Deakanonisearje

image Fers2

It barde middenyn ’e research foar in ferhaal oer de postúm útjûne ‘C’-taheakken oan in essee fan Michel de Montaigne, ‘Du canoniser nous-mêmes à mort’. Hoewol’t it SF wie en dus Fiksje, like it derop dat de passaazje oer de ramsjwinkel fan Steven Sterk oan de NZ Voorburgwal, dy’t iepene yn 2014, net sa fiktyf wie. Want de seis, sân en op it lêst wol acht Fryske lêsklups dy’t op ’e winkelrút advertearren en leden sochten, bestiene yn it echt ek net. Sterk hie gewoan A4’kes opplakt om it lykje te litten as wiene Fryske boeken en vogue. Dat wie fansels ûnsin. Yn 2015 sleat de winkel wer. Montaigne stiet dan al mei ien skonk net yn syn tombe—dy is noch altyd leech—en tangelet mei it tinken dat der wat mankearret oan syn ‘Du canoniser’. Dat út neisimmer 1592 wei reizget er halje-trawalje nei Ljouwert, septimber 2018.

Gjin Swallows. Comment ! Op de Gysbertútrikking yn oktober 2015 hie de deputearre fan Kultuer dochs har mûle foarbypraat dat yn 2018 de antology komme soe? Op 29 augustus 2018 sei de Ljouwerter krante dochs: “Komende maand verschijnt een Engels overzicht van Friese teksten”? Mar ein septimber 2018 seit de krante dat 16 miljoen/4 jier kultuerjild ûnmisber is—Sense of Place hat it ferkloat dus ferstsjinnet ekstra kâns op legacy, Museum Belvédère is sûnder hommelske ynjeksje fallyt, guon “succesvolle” festivals hingje ek om ’e huningpot—en oer literatuer gjin wurd.Rimmer Mulder, ‘Met 2 miljoen eauro blijft cultuur arm’ (Te Gast), Leeuwarder Courant, 28 septimber 2018, 21.

Werom nei tiisdeitejûn 15 maaie 2018. Histoarysk-letterkundich sintrum Tresoar presintearret in nije minykanon fan de Fryske literatuer. It is prachtich waar. In myld wyntsje kuozzet in ûnbewolkte himel. Montaigne mei digitaal meidwaan oan in Fryske literatuerkwis. Der is in hapke en in drankje. En der is in striemin boekje. It hat ûnlêsber lyts letterke, minne en minkeazen plaatsjes, ferskûle sidenûmers, gjin saakregister, gjin logyske yndieling en gjin definysje fan wat ‘Fryske’ literatuer of sels wat ‘literatuer’ is sadat it boek ek wetsteksten behannelet. It riicht feiten oaninoar sûnder ferbân, it sommet tafallige nammen op ynstee fan dat dy in literêrhistoaryske opstelling skoarje, bygelyks pro-ferskaat. It tilt op fan dizichheden en flaters. Sa sitearret it in reaksje fan Trinus Riemersma op de Frankfurter Buchmesse fan 2013; Riemersma wie doe al twa jier dea. It stelt gjin fragen oer it korpus, lit stean oer de eigen kar. It befettet gjin letter literatuer. Press F for respect.

It boekje is in klap yn it gesicht fan it lêste klomjende heapke Fryske skriuwers. Och dêr koene wy net mei rekkenje, reagearret in redaksjelid fan it boekje,Nammen bekend by de Fers2-redaksje. auteurs ha altyd sokke ego’s. Mar al hiene se it ego fan Montaigne, se kleie net dat se net yn it boekje stean—se sizze dat it har it wurk ûnmooglik makket. Meie de reviews fan de iPhone13 de produksje fuortsiferje, want dat is yndustry, in katalogus fan Van Goghs kin dat net. Want dat is keunst: hoe kinne jo slagje ta it oereinhâlden fan in bytsje Fryske literatuer, moarns in healoere earder fan ’t bêd ôf om de ynternasjonale literêre fakblêden te lêzen en jûns nei it wurk hurd skriuwe, it houlik sloere + de blommen fertoarje litte—as jo as unike, ûnferfangbere produsint fan wat it boekje behannelet, net bestean? De oerbleaune literatuerkritisy fan Fryslân falle it boekje fûl oan. Montaigne is optein. Skeptisisme en/of de ûnwil om oare mieningen dea te swijen, dat is it fûnemint fan ferljochting! Mar in lokale akademikus, ek redaksjelid fan ’t boekje, wol hielendal net mei it ljocht oan. Ridderlik feit er de literêre krityk fan de tafel fan boekjeskriuwer Joke Corporaal. Om’t dy negatyf is seit dy folle mear oer de morbide aard fan de kritikus mei syn standert net-woegen oardiel, tinkt er, as oer it boekje.Goffe Jensma, persoanlike korrespondinsje, 17 juny 2018.

WTF!, oftewol, wie it mar wier: wy weage en weage.

Op 19 desimber 2018 stie ynienen op de webside fan Francis Boutle Publishers: “It’s the European Capital of Culture, which is good for business.”‘The miracle of sausages and wine’, Francis Boutle Publishers, 19 desimber 2018, francisboutle.co.uk/the-miracle-of-sausages-and-wine/, krigen 1 maaie 2019. Ai. Business: de presintaasje fan wer in nije kanon, no mei literêre teksten, hie al west! Op wrâldbistedei om 17.30 yn boekhandel Van der Velde in Ljouwert. Yn in entre-nous-tsje. Gjin útnoegingen, amper oankundige. Krekt op ’e tiid foar de Frankfurter Buchmesse fan 16 oktober, riedt Omrop Fryslân. De omrop set twa filmkes op ’e webside en ûnthâldt him braaf fan kommentaar, útsein dat it in twatalige blomlêzing is dy’t fan Swallows and floating horses hjit en in “grutte mar wol persoanlike seleksje is.”‘Met zwaluwen en zwevende paarden kan het Fries de wereld over’, Omrop Fryslân, 4 oktober 2018, www.omropfryslan.nl/nieuws/843517-met-zwaluwen-en-zwevende-paarden-kan-het-fries-de-wereld-over, 1 maaie 2019.

Dat mei. “Allinnich fan smaak en tafal kin sa’n blomlêzing ommers net bestean,” seit Abe de Vries yn syn besprek fan Swallows,Abe de Vries, ‘De Mata Hari/Abe Lenstra-blomlêzing’, Friesch Dagblad, 1 maaie 2019, 13. mar dat strykt net. In blomlêzing = it bêste wurk neffens de samler. Under mear The Oxford anthology of English literature leit út dat as de redakteur net op feilich spilet mei in kleurleaze en konvinsjonele rige fan platlêzen passaazjes fan ‘grutte skriuwers’ en ‘literêre klassiken’, syn seleksje altyd syn persoanlike smaak flink wjerspegelet. In pear jier lyn makken skoalbern in literêre antology—antology is reedlik synonym mei blomlêzing. It inisjatyf kaam fan Dave Eggers en de bern keazen Guillermo del Toro as ynlieder. It resultaat wie skitterend! Hearlik fris! Ynienen falt it jo op hoe behâldend oft de The New Yorker en sa publisearje. Mar earst, it sit mei de smaak fan dy bern, Del Toro & Eggers wol goed. Twad moat in antology de kollektive aard fan de teksten beskriuwe, oars is it in griemank. Tred wiist de Oxford anthology derop dat alle literatuerantologyen altyd iepen stean foar fûnemintele krityk, nammentlik oer de seleksjeproseduere.

Litte de gearstallers dat no just net taljochtsje: wat de kritearia binne om eat op te nimmen of út te sluten. Josse de Haan, dy’t Swallows foar Fers2 bespruts, wist neat mear as dat de tekst­fragminten net represintatyf wêze moasten foar de skriuwer, mar foar it ferskaat, i.e. de wiidte fan alle Fryske skreaune tekst. “Bruinsma jout net oan wat syn seleksjekritearium west hat”, seit Teake Oppewal yn syn besprek fan Swallows.Teake Oppewal, ‘Swiid panorama oer de iuwen’, Ensafh 11:1 (2019) 38-63, 54. Op de fraach fan Fers2 wat de seleksjekritearia wiene en wêrom’t in ferantwurding fan de kar weilitten is, seit haadgearstaller Ernst Bruinsma dat der wiswol in koarte ferantwurding fan de kar is: “Dy fyn ik dúdlik genôch.” Dêrneist beheint jild net inkeld it “tal (dicht)rigels en in tal (proaza)wurden. Ek net sa ûngebrûklik”, mar ek it tal wurden fan de ynlieding.Ernst Bruinsma, E-mail oan Fers2, 25 april 2019. Hin, se hawwe hie--le lange rigels keazen en hie--le lange proazawurden, om it maksimale út it jild te slepen? Yn ’e ‘Editorial Note’, dêr’t Bruinsma op doelt, stiet inkeld wat de antology ‘wol’ en wat er ‘is’, mar net hokker oanpak oft der tusken it wollen en wêzen sit. It kin oan it jild net lizze dat dy ‘Note’ bestiet út tautologyen en non sequiturs.

The anthology … gives a broad survey of Frisian literature, linked to the cultural history of the Frisian language. As compilers we have deliberately refrained from making our anthology a canon of Frisian poetry and prose.Ernst Bruinsma, Alpita de Jong en André Loaijenga (red.), ‘Introduction’, Swallows and floating horses: An anthology of Frisian literature, Lesser Used Languages of Europe Series, Dl. 9 (Londen 2018) 11-19, 18.

Oppewal swetst dat er wit wat dêr stiet. Wy net, moasten it opsykje: ‘cultural history of language’ = wa praat hokker taal tsjin wa en wannear? en ‘broad survey’ = oersjoch, i.e. ynklusyf—wat in blomlêzing just net is want dy is eksklusyf. Mar wylst hjir dêrom wat út te lizzen is, hippe de gearstallers nei ‘Deliberately refrained from’ heard wurden as se boe! roppe: fansels hearre wy it. It is bêst mooglik dat se dat net witte, oars as de boppeneamde skoalbern, mar elke blomlêzing hat sowieso in kanonisearringseffekt. Dat betsjut ek dat in antology in wyld kanonisearringsproses op gong bringe kin, in proses fan striid oer it hifkjen fan de potinsjele kanon, dus fan alle literatuer dy’t skreaun is, om sa de tradisjonele, ge­woanlik ynstitúsjonele kanon te feroarjen. Elkenien kin nammentlik in kanon meitsje, tink oan de skoalbern. Lykwols, bottom-up hat allinne mar ynfloed op de kanon om’t/as der in iepen debat is oer literatuer. Dat mist yn Fryslân. Nimmen hat sels reklamearre dat de iepenbiere praterij oer Ljouwerte Unesco City of Literature-kandidatuer hieltyd fertocht ûnder wurktiid falt.

Alle blomlêzingen en literatuerskiednissen fan de lêste desennia, op de gedichteblomlêzing Het goud op de weg nei, komme fan de ynstituten. Ek de searje antologyen fan literauer fan Europeeske minderheidstalen is ûnderwilens ynstitúsjonalisearre. Clive Boutle rjochte yn Londen yn 1999 de Francis Boutle Publishers op. Yn 2000 begûn er mei in antology fan Bretonske literatuer dy’t yn 2006 útkaam. Wilens joech it European Bureau of Lesser Used Languages in list mei te blomlêzen literatueren. De útjouwerij krige in priis foar syn wurk foar bedrige talen en der kamen fluch nije minderheidstaleblomlêzingen. Yn 2012 fertelt Boutle oan The Guardian dat as er mei in faasje fan seis antologyen it jier troch de minderheidstalen fan Europa gean kin, er it oprêdt foar syn dea. In geweldich inisjatyf, mar der moat yntegraasje- en minskerjochtejild by.

The Guardian: With so few people who still speak these languages, who will read them?

Clive Boutle: I decided that what the English speaking world needed, was a complete overview of all the lesser used languages of Europe.

TG: Is this good literature?

CB: Yes! This is very good literature. … Not all the literature is great literature. And I try and direct editors to pick up other kinds of literature, journalism, other kinds of writing, just to show the scope that these languages can achieve.‘Guardian Books podcast: Minority language literature’, The Guardian, 29 juny 2012, benammen 4:30-4:40, www.theguardian.com/books/audio/2012/jun/29/books-podcast-minority-language-literature, krigen 1 maaie 2019.

“I try and direct”: Boutle goait in baltsje op en jout út. Dat der net inkeld literatuer mar allerhanne tekst yn Swallows opnommen is “want sa is no ienkear it format fan de hiele rige”, sa’t Oppewal seit, ha se him wiismakke.Teake Oppewal, ‘Swiid panorama oer de iuwen’, Ensafh 11:1 (2019) 38-63, 40. Wat der yn it boek komt wurdt hielendal beskaat troch de regionale gearstallers. Dêrom is it antologytsje fan it Manx mar hiel tin bleaun en dat Cornelis van der Wal net yn Swallows stiet, “Ik kan eerlijk zeggen dat het mijn fout niet is”, seit Boutle.Asing Walthaus, ‘Friese teksten in boekvorm voor Engelstaligen’, Leeuwarder Courant, 29 augustus 2018, www.lc.nl/friesland/Friese-teksten-in-boekvorm-voor-Engelstaligen-23492086.html, krigen 1 maaie 2019. “I’m sort of mopping them [literatures] up, as they come up; the only criterium is that they have to be European and they have to have a literature”, en ‘a literature’ dêr bedoelt er mei “a canon.”‘Guardian Books podcast: Minority language literature’, The Guardian, 29 juny 2012, benammen 5:35-5:42, 5:50, www.theguardian.com/books/audio/2012/jun/29/books-podcast-minority-language-literature, krigen 1 maaie 2019.

Gearfetsjend is de antologysearje in taleprojekt mei jild foar taalbehâld en -ferskaat, rjochte op de Ingelske lêzer, “Maar ik denk ook graag dat deze bloemlezingen voor de sprekers van de taal zelf verrassend zijn”,Asing Walthaus, ‘Friese teksten in boekvorm voor Engelstaligen’, Leeuwarder Courant, 29 augustus 2018, www.lc.nl/friesland/Friese-teksten-in-boekvorm-voor-Engelstaligen-23492086.html, krigen 1 maaie 2019. en blyn foar de lokale doelen en politiken.

Fierder weagend, omdat Bruinsma en de minderheidstaal­antologyen fan Boutle beide in ynstitút binne, wie der al jild sei de deputearre yn 2015, en hat in prospektus dy’t it projekt foar de ynvestearders ferantwurdet nea nedich west. Dus hat Swallows gjin út de prospektus oernommen ferantwurding. Letter noch in rasjonale formulearje hat dúdlik te dreech west foar Bruinsma en ’t is by in hakuna matata bleaun: don’t worry be happy.

Tezamen vertellen [de teksten] eigenlijk een soort geschiedenis van Friesland. Dat is althans de opzet.Sitaat Ernst Bruinsma yn Asing Walthaus, ‘Friese teksten in boekvorm voor Engelstaligen’, Leeuwarder Courant, 29 augustus 2018, www.lc.nl/friesland/Friese-teksten-in-boekvorm-voor-Engelstaligen-23492086.html, krigen 1 maaie 2019.

Hâldt dat ‘soarte skiednis’ neist de definysje fan SF, ‘beskriuwt in wrâld dy’t nea bestie of miskien komme kin’, dan wurdt it alle­gearre in stik ienfâldiger. In blomlêzing hat as literêr metasjenre de macht oer it begrinzgjen fan wat literatuer is, net allinne kwalitatyf, mar just ek talich, geografysk en ideologysk-tematysk. Dêrom hawwe ûnôfhinklike naasjes—Swallows neamt dy om de topdown/hegemony wei te muozjen ‘autonomous system’—de offisjele, ynstitúsjonele blomlêzing altyd brûkt om it nasjonale en transnasjonale publyk in idee fan it lân en syn minsken te jaan en fan de naasje as ferienjende faktor foar de literêre produksje. De typyske rol fan de nasjonale of regionale blomlêzing is de brêge te slaan tusken literêre wearde en sosjopolitike engagement. “We have selected texts … with the specific focus on the historical development of the images of Frisian and the Frisians” en ja, geandewei sjogge hieltyd mear “active citizens” it Frysk as gaadlik foar publike skreaune teksten (ús kursyf).Ernst Bruinsma, Alpita de Jong en André Loaijenga (red.), ‘Introduction’, Swallows and floating horses: An anthology of Frisian literature, Lesser Used Languages of Europe Series, Dl. 9 (Londen 2018) 11-19, 18.

Dat de bewegers it ferkeard seagen en Frysk yn werklikens net sa brûkber is, docht al bliken út it hiele projekt sels: opnimmen yn ’e bedrige taleblomlêzingen. Dêrneist, as Frysktalige belutsenens ûntbrekt, follet Nederlânsktalige folkloare de gatten yn de ‘image’ op. Is dit de lêste blomlêzing… Dat kin samar want earst is it formeel ûnderwiis yn it Frysk lang, lang net genôch om it fan útstjerren te behâlden. It giet no hurd. Twad, in blomlêzing net fan taal lykas Swallows, mar fan literatuer, hat ferlet fan keunst en Cornelis van der Wal, mar just net fan ‘literêre’ festivals dêr’t de modernisearre business climate fan de maatskippij, oftewol kaartferkeap, it liedende begjinsel is fan de tekstseleksje. Ergo, as dit de lêste blomlêzing is, sil Fryslân foar ivich kleure wurde troch in epigoan fan Dylan Thomas—dy’t wegere syn minderheidstaal te praten? “Nee hear,” seit Montaigne, “yn de twaentweintichste ieu is Douwe Tamminga de iennichste dy’t noch oerein stiet. De rest is fergetten. Mei rjocht.”

Want yn in komyske passaazje, ‘It foaropwurd jout útslútsel’, sommet Oppewal alle kearen op dat de blomlêzing in “story” is, of “wants to tell a story.” “This anthology wants to tell a story about the Frisian language and its speakers.”Ernst Bruinsma, Alpita de Jong en André Loaijenga (red.), ‘Introduction’, Swallows and floating horses: An anthology of Frisian literature, Lesser Used Languages of Europe Series, Dl. 9 (Londen 2018) 11-19, 18; Teake Oppewal, ‘Swiid panorama oer de iuwen’, Ensafh 11:1 (2019) 38-63, 39-40. Wa’t hjoeddedei in saak driuwt, wit it wol: “To tell a story” is branding talk. “Brands that tell a story”, tink derom, tusken skrapkes, jout 183.000.000 resultaten op Google. Kulturele haadstêd Fryslân-branding, “business” seit Boutle; it skeppen fan kommersjele mytes. Hawar, wat jo wolle, seine wy tsjin Oppewal, is dat in blomlêzing yn alle gefallen nije lêzers oantrúnt ta lêzen. Dus dat it in oanfoljen is op it Lêzen foar de list dy’t Oppewal sekuer gearstald hat en dy’t ek net-skoalbern rieplachtsje. Mar dy ynspanning negearret Swallows. Fan de bêste skriuwers binne soms de minste stikken keazen, lykas fan Tamminga in ferske oer Mata Hari. Trouwens, antike Fryske staveringen binne beholden (neist modern Ingelsk): de Frysklêzer is gjin doelmerk foar it lansearre produkt.

Wêrom seit De Haan dêr neat oer yn syn besprek fan Swallows en wêrom just wol oer it belang fan oersetten út it Frysk wei nei it Ingelsk? Dat in Ingelsk manuskript folle mear kâns makket op goeie alfa- en betalêzers en redakteuren krekt yn jo cross/subgenre of dissipline, pleitet foar in EN-njonkenmanuskript. Mar dat bedoelt De Haan net. Hy liket fan betinken dat it bringen fan Frysktalige literatuer nei net-Frysktalige lêzers better is foar de Fryske literatuer. Dêrom sprekt er him derfoar út dat Ljouwert literêre ‘events’ en ‘creative networks’ herberget—City of Literature—wat útlanners oanlûkt. Mar efkes nofteren, hokker oanlûkkwaliteiten hat dizze blomlêzing echt? Al is der net in ‘format’, hy is útkommen yn in searje: wat is der oan benchmarking dien? De Haan hat—oars as Oppewal en De Vries dy’t de tekst skôgen—ek nei de kontekst sjoen, mar rept net oer resultaat en likemin oer hoe’t Boutle seit dat er inkeld mar oan mear oersettingen begjint as de blomlêzing goed rint.

It dreechst foar de besprekkers is sûnder mis it fonnis “The modernisation of society in the province of Fryslân has been the guiding principle in selecting texts from the 20th and 21st centuries.”Ernst Bruinsma, Alpita de Jong en André Loaijenga (red.), ‘Introduction’, Swallows and floating horses: An anthology of Frisian literature, Lesser Used Languages of Europe Series, Dl. 9 (Londen 2018) 11-19, 18. Dat is om’t de besprekker sels fan de tweintichste ieu is en er de teksten, en faak ek de skeppers derfan en de manier sa’t de teksten groeid binne, troch en troch ken en it him net mear as fair liket dat just foar opnimmen of útsluten fan dizze teksten eksplisite en kleare kritearia jilde. Dat is net sa. Der sit inkeld in reade trie yn ’e keazen teksten, fan ferlerne-lânnostalgy. Beswierlik is net dy útkomst, mar de grûnslach. ‘Guiding principles’—nammers ek corporate lingo, lykas ‘tell your story’—is in slach morele wearden dy’t it ramt foarmet foar ferwacht hâlden en dragen en beslútnimmen. Dat dy morele wearden de modernisearring fan de maatskippij ‘binne’, is faai. Oppewal is it net mei De Vries iens dat de Swallow-gearstallers in definysje jaan moatte fan moderni­searring, sei er, want dat is yntuïtyf wol dúdlik. Bon, mar dat jo ‘yntuïsje’ net sjen kinne makket wollich praat just sa immún foar krityk. …In maatskippij te modernisearjen is, boppe-al, dy te yndustrialisearjen.

De kultueryndustry redusearret keunstners ta ekonomyske assets mei grutte ego’s, dy’t toeristen lûke. Mei digitale literatuer hat it neat op want dy kin net op ’e planke yn ’e winkel, dat yn Swallows stiet net ien digitaal publisearre tekst. Mar folle slimmer is dit. De trochgeande desynteresse yn de gefolgen fan de maatskiplike modernisearring foar froulju—ferballe nei minor húsambacht—hat laat ta in dualistysk paradigma: ♂kwaliteit foaroer ♀gendergelikens. Fan de 64 teksten út de 20ste en 21ste ieu binne acht stik fan (sân) froulju, in raasjo fan ien frou ta sân man. Froulju dy’t wol yn de beneaming kamen mar dy’t se útsletten, binne Madzy, Simke Kloosterman, Rixt, ella wassenaer, Tsjits Peanstra, Hylkje Goïnga, Berber van der Geest, Tine Bethlehem, Akky van der Veer, Margryt Poortstra, Aggie van der Meer, Marga Claus, Lida Dykstra, Greet Andringa, Jetske Bilker, Janneke Spoelstra, Elske Kampen en Friduwih Riemersma. Mar, beslút Montaigne syn taheakke oer it deakanonisearjen, leech profyl hâlde is wier stikken better as, tant pis, de biezemwein aanst dy’t se frouljuskanon neame sille.

Noaten

  1. Rimmer Mulder, ‘Met 2 miljoen eauro blijft cultuur arm’ (Te Gast), Leeuwarder Courant, 28 septimber 2018, 21.
  2. Nammen bekend by de Fers2-redaksje.
  3. Goffe Jensma, persoanlike korrespondinsje, 17 juny 2018.
  4. ‘The miracle of sausages and wine’, Francis Boutle Publishers, 19 desimber 2018, francisboutle.co.uk/the-miracle-of-sausages-and-wine/, krigen 1 maaie 2019.
  5. ‘Met zwaluwen en zwevende paarden kan het Fries de wereld over’, Omrop Fryslân, 4 oktober 2018, www.omropfryslan.nl/nieuws/843517-met-zwaluwen-en-zwevende-paarden-kan-het-fries-de-wereld-over, 1 maaie 2019.
  6. Abe de Vries, ‘De Mata Hari/Abe Lenstra-blomlêzing’, Friesch Dagblad, 1 maaie 2019, 13.
  7. Teake Oppewal, ‘Swiid panorama oer de iuwen’, Ensafh 11:1 (2019) 38-63, 54.
  8. Ernst Bruinsma, E-mail oan Fers2, 25 april 2019.
  9. Ernst Bruinsma, Alpita de Jong en André Loaijenga (red.), ‘Introduction’, Swallows and floating horses: An anthology of Frisian literature, Lesser Used Languages of Europe Series, Dl. 9 (Londen 2018) 11-19, 18.
  10. ‘Guardian Books podcast: Minority language literature’, The Guardian, 29 juny 2012, benammen 4:30-4:40, www.theguardian.com/books/audio/2012/jun/29/books-podcast-minority-language-literature, krigen 1 maaie 2019.
  11. Teake Oppewal, ‘Swiid panorama oer de iuwen’, Ensafh 11:1 (2019) 38-63, 40.
  12. Asing Walthaus, ‘Friese teksten in boekvorm voor Engelstaligen’, Leeuwarder Courant, 29 augustus 2018, www.lc.nl/friesland/Friese-teksten-in-boekvorm-voor-Engelstaligen-23492086.html, krigen 1 maaie 2019.
  13. ‘Guardian Books podcast: Minority language literature’, The Guardian, 29 juny 2012, benammen 5:35-5:42, 5:50, www.theguardian.com/books/audio/2012/jun/29/books-podcast-minority-language-literature, krigen 1 maaie 2019.
  14. Asing Walthaus, ‘Friese teksten in boekvorm voor Engelstaligen’, Leeuwarder Courant, 29 augustus 2018, www.lc.nl/friesland/Friese-teksten-in-boekvorm-voor-Engelstaligen-23492086.html, krigen 1 maaie 2019.
  15. Sitaat Ernst Bruinsma yn Asing Walthaus, ‘Friese teksten in boekvorm voor Engelstaligen’, Leeuwarder Courant, 29 augustus 2018, www.lc.nl/friesland/Friese-teksten-in-boekvorm-voor-Engelstaligen-23492086.html, krigen 1 maaie 2019.
  16. Ernst Bruinsma, Alpita de Jong en André Loaijenga (red.), ‘Introduction’, Swallows and floating horses: An anthology of Frisian literature, Lesser Used Languages of Europe Series, Dl. 9 (Londen 2018) 11-19, 18.
  17. Ernst Bruinsma, Alpita de Jong en André Loaijenga (red.), ‘Introduction’, Swallows and floating horses: An anthology of Frisian literature, Lesser Used Languages of Europe Series, Dl. 9 (Londen 2018) 11-19, 18; Teake Oppewal, ‘Swiid panorama oer de iuwen’, Ensafh 11:1 (2019) 38-63, 39-40.
  18. Ernst Bruinsma, Alpita de Jong en André Loaijenga (red.), ‘Introduction’, Swallows and floating horses: An anthology of Frisian literature, Lesser Used Languages of Europe Series, Dl. 9 (Londen 2018) 11-19, 18.

Fers2 nû. 5.8, 21 april 2019

Kris Callens & de kulturele haadstêdfonteinen

image Fers2

Keapje se dan, man! tochten wy fan Fers2. De minister fan Kultuer, dy mei dy joviale krullebol, stoart úteinlik wer jild yn it (lege) nasjonaal oankeapfûns en trúnt it Mondriaanfûns oan en help by oankeap fan “wichtige objekten foar de regio”—so what’s the problem dude? Wol dalik nei de brânbrief fan de 10fonteinenkommisjes twitterje fan

Structureel beheer door @LF2028, een tijdelijke organisatie zonder kennis van beeldende kunst? Terwijl de productieleider van @11Fountains nu in dienst is van het @FriesMuseum. Wij kunnen kwaliteit borgen. Als we die rol (en middelen) mogen hebben.@kriscallens, ‘Structureel …’, Twitter, 9 april 2019, twitter.com/kriscallens?lang=en, krigen 16 april 2019.

en tout kultuerpolityk Fryslân al bliid en pff dêr binne wy moai fan ôf, en dan neat mear hearre litte? Is der dan wat mei de fonteinen?

Ja. It binne net de populêrste objekten. Faaks is it Fries Museum­direkteur Callens al twitterjend yn ’t sin sketten dat de stifting kulturele haadstêd mei syn ûndemokratyske domdryste oerrindersmacht oer alle Friezen hinne wâde? Ein febrewaris 2017, bygelyks, konfrontearren Kitty Postma fan de Warkumer fonteinekommisje en kulturele haadstêdfonteindiktator Anna Tilroe tegearre de Warkumers mei in fait accompli en dy fielden har, net hiel ûnferwacht, net earnst nommen.

[Z]ij zijn van mening dat de fonteincommissie noch Tilroe tegenspraak duldt. Het lijkt erop dat genoemd ontwerp zonder overleg al is goedgekeurd en het er, ten koste van alles, moet komen! Op de vraag, die meerdere keren wordt gesteld zowel aan de fonteincommissie als aan Tilroe, of het ook mogelijk is om voor een ander ontwerp te gaan, komt geen antwoord. Kortom, “het wordt ons door de strot geduwd” is een veelgehoorde opmerking. De beslissing is al genomen.Ineke Mulder-Grasman, ‘Storm van kritiek op fontein Workum’, Workum.nl, 24 febrewaris 2017, www.workum.nl/m/home/nieuws/5149, krigen 9 april 2019.

Faaks, dêrfoaroer, is it fonteinferset al folslein út it kollektyf ûnthâld weisipere. Farsker yn it omtinken leit dat de fonteinen administratyf net klear binne.

Doe’t de provinsje yn maaie 2017 de fonteinen oernaam fan de kulturele haadstêd, brocht de provinsje it fonteinebudzjet út de Blokhúspoarte werom fan 6,6 miljoen nei 5,6 miljoen en makke de begrutting op papier lyk mei 1,0 miljoen sponsorynkomsten. Politike trúk: sjoch ús ris gjin jild yn it wetter smiten, boarger! Fan dat sponsormiljoen kaam 761.947 net. Dêroer hat de provinsje, op 12 febrewaris lêstlyn, sein fan ús fersin, wy betelje it sponsortekoart. Mar ek binne de fonteinkosten hast in heal miljoen heger útfallen as begrutte. Dat betellet de provinsje net. Want dy hat de fonteinen oan de fonteingemeenten jûn—mei dat gat fan 487.661 derby.Deputearre Steaten fan Fryslân, Brief oan Steateleden: Afronding project 11fountains, Provinsje Fryslân, 12 febrewaris 2019, 2, sudwestfryslan.nl/wp-content/uploads/2019/02/Brief-provinciale-staten-overicht-kosten-en-effecten-van-de-fonteinen.pdf, krigen 9 april 2019.

Dat wêr wachte de man op? De hiele hap dalik opkeapje mei de skulden en al is hartstikke tûk: de gemeenten kinne har boarger ûnmooglik in debet opkringe foar in objekt dêr’t dy oan it ein ta tsjin fochten hat. Faaks hie Kris Callens it drok mei direkteurjen en fergeat er syn bûtenkânske?

Krektlyn waard de saak akút mei it boppeneamde brânbrief. De fonteinkommisjes skriuwe deryn dat in jier nei de iepening guon fonteinen gjin ynformaasjebuordsjes hawwe, mei guon binne se noch oan it wurk of moatte se noch bebuordzje—gjin buordsjes, tochten wy, is dat no in halssaak? o heden ja; wy komme der aanst op werom—en doel, marketingplan en lange termynfisy ûntbrekke. Sa’t Kitty Postma seit: “We weten niets, weten niet aan wie we vragen moeten stellen en wat de plannen zijn.” Se seit der net by wêrom’t se net tidich oan Tilroe frege hat oft de kulturele haadstêd/provinsje nei de oerdracht provinsje→gemeenten ein 2018, yndie neat mear oan ’e fonteinen dwaan sil.

Se dogge just wol wat, sprekt âldsjoernalist-no-glêdprater by de kultuerpromoasjestifting LF2028 Radboud Droog har tsjin. “We zijn nu druk met inspiratiesessies en hopen in de tweede helft van dit jaar een marketingplan te hebben.”Patrick van ’t Haar, ‘Grote zorgen om toekomst van 11Fountains’, Leeuwarder Courant, 9 april 2019, https://www.lc.nl/friesland/Grote-zorgen-om-toekomst-van-11Fountains-24346122.html, krigen 9 april 2019. De ynspiraasjesessys stean ek op ’e fonteinewebside.‘Kletterdei2019’, 11f, g.d., 11fountains.nl/events/kletterdei/, krigen 9 april 2019. Mar marketing net. En “Wy … hoopje” is ôfpoeierjaansk foar ‘gjin inkelde prioriteit en no opmiterje’. Dêrom stelt steatelid Marijke Roskam fan de PvdA in dei nei Callens syn tweet, ek al seit de provinsje dat de ferantwurdlikens by de gemeenten leit, skriftlike fragen oan de deputearre fan kultuer. “Als PvdA vinden wij 11Fountains erg waardevol. Wij geloven in de kansen van de 11 fonteinen in de elf steden”, dus: “Wat vindt u van het voorstel van de heer Callens om 11Fountains onder te brengen bij het Fries Museum?”

PvdA wol Callens de fonteinen wol ta ha, LF2028 wol der fral gjin gedoente mei ha, de provinsje wol de ferantwurdlikens net langer drage en de gemeentes ferkeapje de fonteinen mei leafde foar de symboalyske 1 euro. Wêrom keapet Callens har dan net?

Mei it net? Bedoelt er mei “As wy dy rol (en middels) hawwe meie” dat tusken tweet en died wetten yn wei stean? Leauwe wy neat fan. De ynternasjonale mienskip definiearret in museum as:

a non-profit, permanent institution in the service of society and its development, open to the public, which acquires, conserves, researches, communicates and exhibits the tangible and intangible heritage of humanity and its environment for the purposes of education, study and enjoyment.International Council of Museums, ‘ICOM Statuses adopted by the 22nd General Assembly’, ICOM, Wenen, Eastenryk, 24 augustus 2007, Kêst 3, Seksje 1. Museum, icom.museum/en/activities/standards-guidelines/museum-definition/, krigen 16 april 2019.

Yn tsjinst fan de maatskippij erfskip oankeapje, bewarje en sjen litte: dat docht in museum. De fonteinen, seit Callens, binne knipt foar syn museum. Want se hawwe de kulturele haadstêdproduksje­lieder fan de fonteinen, Irene Kromhout, no yn tsjinst by it Fries Museum. Hja kin

ervoor zorgen dat ze het blijven doen en de artistieke uitgangspunten ervan respecteren. Zorgen dat de informatie erbij staat, dat het gras eromheen een beetje deftig is.Asing Walthaus, ‘Directeur Kris Callens weet het wel: ‘Breng 11Fountains onder bij het Fries Museum’ ’, Leeuwarder Courant, 10 april 2019, www.lc.nl/friesland/Directeur-Kris-Callens-weet-het-wel-Breng-11Fountains-onder-bij-het-Fries-Museum-24350201.html, krigen 10 april 2019.

No prachtich, mei de “rol” is neat mis. Is dan it knyppunt: “(de middels) hawwe meie”? Fersekering, ûnderhâld en reparaasje fan in trochsneed parkfontein kostje al faak folle mear as dat in lokale oerheid betelje kin. Heakje dêroan ta dat de ekonomyske groei fan Fryslân ôffalt njonken de rest fan Nederlân. Yn dy net-fitale provinsje stiet in provinsjemuseum, dêr’t de takomst yn ’t generaal roaskleuriger fan skildere wurdt as dat dy is. Want it polityk-maatskiplike hammerjen op besikerssifers, rendemint en grutte útstallingen giet ta skea fan it behearen en behâld fan ’e kolleksjes. In stikmannich grutte súksesfolle musea rêde har wol. Mar by de lytsere driicht slûkjend ferfal, sei de Raad voor Cultuur ferline jier.Raad voor Cultuur, ‘Kleine en middelgrote musea in nood’, Cultuur, 19 april 2018, www.cultuur.nl/adviezen/erfgoed/raad-voor-cultuur-kleine-en-middelgrote-musea-in-nood/item3840, krigen 16 april 2019. Ek Callens kombinearret ‘blockbusters’ mei in minuskule ûnderhâldstaak. Want in útstalling meitsje is gâns dreger as in jierren lyn produsearre útstalling inkeld ûnderhâlde, seit er.

[N]u moeten we blijven zorgen dat alles het doet, het licht en de koptelefoons werken, dat er genoeg informatiebladen zijn. Als je dat niet doet, gaat het rafelen. En als iets rafelt, wordt het uit elkaar geplukt.Asing Walthaus, ‘Directeur Kris Callens weet het wel: ‘Breng 11Fountains onder bij het Fries Museum’ ’, Leeuwarder Courant, 10 april 2019, www.lc.nl/friesland/Directeur-Kris-Callens-weet-het-wel-Breng-11Fountains-onder-bij-het-Fries-Museum-24350201.html, krigen 10 april 2019.

Callens wol dêrom de fonteinen dwaan, mits der antyraffeljild meikomt. Dat liket bêst. De Raad voor Cultuur wol dat, yn it nasjonaal belang, ek de legere oerheden it behear & behâld fan gemeentlike en provinsjale kolleksjes langjierrich boargje. Mar Callens seurt al hiel lang om jild fan ’e provinsje. In healjier lyn woe er tegearre mei de kultueredukaasjestifting Keunstwurk 5 miljoen it jier foar it ferfolch fan de kulturele haadstêd—wat dat ek wêze mocht. Twa dagen nei de brânbrief skroeve Keunstwurk it jierbedrach op nei 16 miljoen. Callens freget no de oerheden “middels” foar behear fan de fonteinen dêr’t elkenien graach fan ôf wol. Faaks wol Callens de fonteinen ek bêst hawwe, want de grutte nammen meitsje dy grif ta in solide oanwinst foar syn museum en der is wer oerheidsstipe foar keunstoankeap. Mar, as er keapet lûkt de provinsje, mei de nije stifting LF2028 gesellich op ’e skerte, sûnder mis de hannen hielendal fan de fonteinen ôf. Want dat besykje se no ek. En dêrom, bêste lêzer, docht Callens net langer in berop op de oerheid as bernhertige kultuermesenas, mar stelt er him op as in ûndernimmer dy’t in taak útfiert foar de oerheid tsjin in op syn minst kostedekkend honorarium.

Is dat snoad, in museum dy’t in ûndernimming is? Ja want in museum mei wol winst meitsje, salang’t dat mar yn it bedriuw weromfloeit—mar nee. It meast rendabel soe ommers wêze om de hiele kolleksje dalik út te ferkeapjen. Mar dat mei no krekt net út reden fan de maatskiplike taak fan museums om erfskip te behearen en behâlden. Ek mei kultureel ûndernimmerskip gjin ferfanging wurde fan subsydzje, om de praktyske reden dat it omtinken net nei it bedriuwslibben gean moat, mar nei bewarjen en ynspirearjen.Karen de Meester, ‘Een balanceeract: Cultureel ondernemen voor musea’, Cultuur+Ondernemen, g.d., www.cultuur-ondernemen.nl/cultureel-ondernemen-voor-musea-een-balanceeract, krigen 16 april 2019. Dêrom seit de Raad voor Cultuur tsjin de oerheden: “Neem verantwoordelijkheid voor collecties die verweesd dreigen te raken”, en tsjin de museumsektor: “Zorg voor een evenwichtige taakverdeling tussen beheer en behoud enerzijds en publiekstaken anderzijds.”Raad voor Cultuur, ‘Sectoradvies musea: In wankel evenwicht’, Cultuur, 19 april 2018, 66 www.cultuur.nl/upload/documents/adviezen/Sectoradvies-Musea.pdf, krigen 16 april 2019. In stik ûnferbidliker is it ynhâldlike argumint tsjin kultureel ûndernimmerskip fan museums:

Culture and heritage belong to everyone and access to it in all its forms – tangible and intangible – is a human right. …

Governments are the prime patrons of our human and natural heritage in many countries but they do not own it: it is owned by the people – all of us.International Council of Museums (ICOM), ‘Strategic plan 2016-2022’, ICOM, 4, icom.museum/wp-content/uploads/2018/06/ICOM_STRATEGIC_PLAN_2016-2022_ENG.pdf, krigen 16 april 2019.

Neffens Unesco, dus neffens de ynternasjonale morele mienskip, kinne museums net winst meitsje op dingen dy’t hielendal net fan har binne. Punt.

Mar fansels dogge se dat dochs! Der is al desennialang in sterke lobby fan kultuerbedriuwen foar kultureel ûndernimmerskip. De machstferskowing fan oerheidslate en -beskerme keunsten nei troch de yndustry kontrolearre kultuer hat ek in opnij hjfkjen feroarsake fan de manier sa’t bedriuwen har rol yn de maatskippij besjogge. It âlde tinken dat it bedriuwslibben in boargerplicht hie is ferfongen troch it idee dat oerheden en it publyk losrinnend wyld binne foar eigen belangen. It wêzentlike probleem is net Callens en net de fonteinen en sels net Tilroe: it is it neoliberalisme.

Wy libje al desennialang yn in troch de merk oandreaune wrâld dêr’t wy mikke op it sublime, keunst fan ambacht skieden hawwe en keunst ûnderbrocht hawwe yn ús brea-en-sirkusekonomy. Kaart­ferkeap en publyksgroei hawwe wy ta in fetish makke, as it ultime teken fan súkses. Dus kompetysje is it alfa + omega, om in “wereldtop waarvoor iedereen vanaf Schiphol de rechtstreekse trein naar Leeuwarden neemt”, sa’t Callens loftfytst yn in praatsje dêr’t keunstners net yn foar komme, lit stean it wolwêzen fan de keunstner.Rianne Kramer, ‘Lees hier de Magister Alvinuslezing: Directeur Fries Museum Kris Callens pleit voor een nieuw icoon voor Fryslân’, Friesch Dagblad, 27 maart 2019, frieschdagblad.nl/2019/3/27/lees-hier-de-magister-alvinuslezing-directeur-fries-museum-kris-callens-pleit-voor-een-nieuw-icoon-voor-fryslan, krigen 16 april 2019. Wilens is de ideology fan winner take all ferynderlikt: wy tinke dat der ûnûntkomber winners en ferliezers binne en dat de toernoai-opfetting fan keunst earlik is, om’t de bêste wint. “But it is also extremely wasteful”, seit de topekonoom Samuel Bowles.

Because for everybody who invested in trying to win the prize, only one person won and the rest of us waisted our money. So the idea of organizing an economy as if it was a tournament is not very attractive … to people, because it often is associated with extraordinary high levels of inequality.Inequality Bites, ‘Samuel Bowles: The winner take all scenario’, Youtube, 22 novimber 2013, 0:40-1:04, www.youtube.com/watch?v=YiB7GKf7QwY, krigen 16 april 2019.

Likegoed wolle de pear private sponsors dy’t wol betelle hawwe foar de fonteinen dat har namme goed op it buordsje stiet. Gjin buordsje mei in logo!—wy snappe it: dat wurdt rúzje. Dat is reden foar in brânbrief op poaten. Bedriuwssponsorjen kaam op oan it ein fan tweintichste ieu, mei as doel in ‘ferljocht’ bedriuwsimago, sa Jim McGuigan it neamt. De bedriuwsbemuoienis skoep in hiel oar museummiljeu. In museumkurator of -manager ûntkomt der net mear oan om him tusken it bedriuwestablishment sjen te litten—Callens is út soarte bestjoerslid fan de Club Diplomatique Fryslân, in karkorps fan ‘top’-ûndernimmers—en wat foar har te dwaan. Under de neoliberalisearring is de groei fan keunstfûnsen dy’t ynvestearjen yn keunst bemaklikje krekt itselde organisearre as ynvestearjen hokker commodity ek.Jim McGuigan, Neoliberal culture (New York 2016) 68-69. De bedoane sponsors fiele har grif better thús by museums dy’t stadich oergien binne fan folslein iepenbiere nei as it efkes kin private stipe, as by in oerheid tsjin syn aard yn private sponsorring freget—wat dan ek mislearre.

It merkrjochte mainstreamtinken hjoeddedei is dat subsydzjes keunst foar rike minsken meitsje.

Veel gesubsidieerde kunst staat tegenwoordig volstrekt buiten de maatschappij en wordt in stand gehouden door en voor een selecte groep. De gemiddelde Nederlander gaat niet of zeer zelden naar een museum of toneel.Haye van der Heyden, ‘De cultuursector heeft het terecht zwaar: Minder subsidie is een oplossing’, The Post Online, 22 jannewaris 2016, politiek.tpo.nl/column/de-cultuursector-heeft-het-terecht-zwaar/, krigen 16 april 2019.

“We worden ondermijnd door … de mensen die onze kunstsub­sidies ontvangen,” sei Thierry Baudet yn syn oerwinningspraatsje yn Zeist. Mar krekt oarsom binne, nei besuniging op besuniging yn de keunstsektor, de keunstynstellingen ôfhinklik fan de lumen fan de rike partikuliere partijen. Dat betsjut dat keunstorganisaasjes hieltyd mear twongen binne om dat sjen te litten en te fersprieden dat akseptabel is foar dy rike partijen, lykas de ING-bank en it Leeuwarder Ondernemersfonds. Dat betsjut: leaver gjin út alle gatten read lekkende frou as fontein, jakkes.

There is a chilling effect, wherein artists and organization are unable to freely produce content or ideas that may perhaps challenge capitalist structures, for fear of alienating their wealthy patrons. This points towards a future where art and cultural production will have to toe a narrow set of ideologies: propaganda of the free market.

Starting to see the irony? It’s not government funded art that begets “elitism” in the art world. Rather it’s privatized funding. Without public funding, nonprofits will essentially have to parrot the ideology of their donors.Hannah Nussbaum, ‘What does a privatized art world look like?’, Format, 24 maart 2017, www.format.com/magazine/news/art/nea-arts-budget-privatization, krigen 16 april 2019.

Is dat wat Callens proaktyf docht? Of, wannear hat Callens him earder mei de alve fonteinen ynlitten? Nea. Never. Sels gjin tweetsje, foar dy fan 9 april. Wol krige er ferline jier de protestfontein, Pauperfontein, fergees oanbean.

Mar direkteur Kris Callens fertelde dat er dêr gjin romte foar hie. Miskien dat de fontein in moai plakje krije koe by de Zwarte Cross, reagearre er. Witst wol, dat muzykfestival annex motorcross yn Lichtenvoorde.Gerbrich van der Meer, ‘Voorbij LF2018 en de Pauperfontein; verder bouwen aan gebaande wegen’, Friesch Dagblad, 19 desimber 2018, frieschdagblad.nl/2018/12/19/voorbij-lf2018-en-de-pauperfontein-verder-bouwen-aan-gebaande-wegen, krigen 16 april 2019.

Dat Callens tinkt oan in festival, de kultuer-commodity fan it neoliberalisme by útstek—120 euro it kaartsje—is like karakteristyk foar de hegemony as syn ferwizen nei ‘romte’. It konsumintisme fan dizze tiid sit net yn de produkten, mar yn de ûnderfining. Tagelyk bart it oanmeitsjen fan gefoel net mear yn ’e holle fan de konsu­mint, mar yn de omkriten dêr’t er tahâldt, seit kurator/kritikus Nato Thompson. Yn winkelomkriten lykas Ikea, de Apple Store en Starbucks is de romte folslein ensênearre om in mindset te kweekjen foar it binnenheljen fan winst. De útjouwer fan Culture as weapon seit:

The production of culture was once the domain of artists, but beginning in the early 1900s, the emerging fields of public relations, advertising, and marketing transformed the way the powerful communicate with the rest of us. A century later, the tools are more sophisticated than ever, the onslaught more relentless.‘Culture as weapon’, Melville House, g.d., www.mhpbooks.com/books/culture-as-weapon/, krigen 16 april 2019.

Wis, tink oan de manier hoe’t sentimint kweke wurdt yn Fryslân: fia design, plaatsjes, ferhalefertellerij en net te ferjitten de typysk melodramatyske—en dus yn ’e neoliberale wedstriid om publyk priiswinnende—blockbusters fan Callens, mei Tadema, Mata, Saskia. Mar, seit Thompson, ynstituten brûke keunst en kultuer net allinne om de omset feilich te stellen; se dogge dat ek om krityk de kop yn te drukken.Nato Thompson, Culture as weapon: The art of influence in everyday life (New York 2018). Voilà de fonteinen.

Nettsjinsteande dat en ek al ha wy fan Callens nea kommer oer demokrasy of sosjale earlikens fernommen, wolle wy witte: helpt syn neoliberale outlook de wrâld. Professor teater en performance Jen Harvie sjocht nei it effekt fan engazjearrre keunst—dus net nei keunst mei suver artistike output, mar nei mienskipsprojekten dêr’t de fonteinen ûnder falle moatte soene (jo binne mei Tilroe samar troch de helptiidwurden hinne)—op de partisipaasje fan de minsken.

I argue that, because the ‘artepreneur’ works privately for her own advantage, she models neoliberalism, the contemporary form of economic practice that privileges the ‘liberty’ of individuals to trade as they please and, in so doing, promotes private enterprise within apparently ‘free’ or ‘open’ markets over publicly regulated economies.Jen Harvie, ‘The ‘Artrepreneur’: Artists and Entrepreneurialism’, yn Fair play - art, performance and neoliberalism (Basingstoke 2013) 62-107, 63.

Dat is hege kwaliteit fan partisipaasje, soene jo konkludearje kinne, want de agency en de beslissingsmacht oer it wurk leit kreas by de mienskipskeunstners. Mar it is net sa. De radikale omfoarming fan wat in keunster heart te wêzen bringt “the value of being an artist at serious ideological risk.”Jen Harvie, ‘The ‘Artrepreneur’: Artists and Entrepreneurialism’, yn Fair play - art, performance and neoliberalism (Basingstoke 2013) 62-107, 62. Harvie seit dat keunstners yn de nije subjektiviteit fan artrepreneur bedarje troch in sosjopolitike en ekonomyske oanpassing fan taseine stimulânsen, sûnder dat se wat te kiezen hiene. Keunstners sels sizze dat faak. As ynlieder op it AmericanaFest 2016 in Nashville sei T Bone Burnett:

We live in a time in which artists are being stampeded from one bad deal to another worse deal. No one asks the artists. We are told to get good at marketing. I have to say—and I think I probably speak for every musician here—that I didn’t start playing music because I sought, or thought it would lead to, a career in marketing.Holger Schwetter, ‘From record contract to artrepreneur? Musicians’ self-management and the changing illusio in the music market’, Kritika Kultura 32 (2018) 183-207, 197, doi.org/10.13185/2983.

Behalven dat it toernoai partisipaasjeûntmoedigjend is en talintfergriemend, sa’t Bowles seit, wurdt wa’t oerlibbet op de merk net beskaat troch artistikere keunst, mar troch cherry picking. Yn it provincial pride-ramt is dat noch mear sa, om’t lokale ‘identeits’-belangen—noch sa’n hobbelhynder fan Callens—swier weagje. De izeren-objektlasser Ids Willemsma is fan ’e wike binnenhelle as in popsjonger, wylst er inkeld keunstambachtskoalle dien hat en by tekoart oan artistike foarming nea bûten de provinsje arbeide en nul prizen wûn. De oerheid promoatet dy keunstners, as ûndernimmende keunstners. Sokke promoasje, seit Harvie, fersterket it ideaal fan de selsferwerklikjende keunstner en ûnderdrukt it tinken dat de maatskippij ús stypje moat, oftewol dat in sosjaal wolfeartstelsel nedich is. De keunstner dy’t de ûndernimmerssubjektiviteit ferynderlikt kin boppedat net langer kritysk wurkje oangeande de kommersjalisearring fan kultuer: de fonteinen binne kritykleas as fabryksbôle. Sa’n oerheid draacht by oan in keunstnermoraal fan jins eigen rykdom realisearje en jin net bekroadzje oer wiere ferdieling fan macht of demokratyske sosjale partisipaasje.QMUL School of English and Drama, ‘Jen Harvie on ‘Fair Play’ (2013)’, Vimeo, 2013, vimeo.com/86982570, krigen 16 april 2019.

Kreative yndustryen, dêr’t Callens in foarfjochter fan is, sprekke har derfoar út om stêden foar har iepen te stellen, yn ruil foar ekonomyske groei—de relaasje tusken kulturele / kreative yndustry en wolfeart fan de regio is noch jimmer ûnbewiisd, mar goed. Der is oertsjûgjende stipe foar dat it beklamjen fan stêden as kreative romtes lykop giet mei in foarkar foar middenklasse beropskrêften, ynstee fan krêften út de arbeidersklasse, en dus meihelpt oan de gentrifikaasje fan (binnen)stêden. Wichtige opjeiers fan de wenkosten, sadat de lege klasse de (binnen)stêd ferlitte moat, binne de pop-up art events. Troch de kulturele haadstêd ferlear de Blokhúspoarte syn funksje as ‘briedplak’ en dêrmei gie de partisipaasjekwaliteit fan keunstners en publyk steil omdel: de wyk is net mear te beteljen. Om it ferlies goed te praten sei de kulturele haadstêdorganisaasje, “Festivals kunnen ook als broedplaatsen gezien worden”,Leeuwarden-Fryslân 2018, ‘2-Meting monitoring & evaluatie’, jannewaris 2018, etfi (European Tourism Future Institute), g.d., 52, www.etfi.nl/sites/default/files/attachments/2-meting_monitoring_evaluatie_lf2018_0.pdf, krigen 16 april 2019. mar Ljouwert hâldt syn oerbleaune briedplakken as pop-ups yn leechsteande pânen.

As se wat wolle, is de hjoeddeiske polityk, dan sykje de keunstners mar bedriuwsfilantropy. Filantropy soe leafde foar it minskdom wêze moatte, privee-inisjativen foar it iepenbiere wolwêzen, seit Harvie, mar kin ek opfette wurde as ferminderjen fan steatsstipe foar de keunst en dêrom as ferminderjen fan watfoar keunst makke wurde kin. Fonteinen kinne makke wurde, dy’t net ien ha wol. Sels Callens winlik net.

Noaten

  1. @kriscallens, ‘Structureel …’, Twitter, 9 april 2019, twitter.com/kriscallens?lang=en, krigen 16 april 2019.
  2. Ineke Mulder-Grasman, ‘Storm van kritiek op fontein Workum’, Workum.nl, 24 febrewaris 2017, www.workum.nl/m/home/nieuws/5149, krigen 9 april 2019.
  3. Deputearre Steaten fan Fryslân, Brief oan Steateleden: Afronding project 11fountains, Provinsje Fryslân, 12 febrewaris 2019, 2, sudwestfryslan.nl/wp-content/uploads/2019/02/Brief-provinciale-staten-overicht-kosten-en-effecten-van-de-fonteinen.pdf, krigen 9 april 2019.
  4. Patrick van ’t Haar, ‘Grote zorgen om toekomst van 11Fountains’, Leeuwarder Courant, 9 april 2019, https://www.lc.nl/friesland/Grote-zorgen-om-toekomst-van-11Fountains-24346122.html, krigen 9 april 2019.
  5. ‘Kletterdei2019’, 11f, g.d., 11fountains.nl/events/kletterdei/, krigen 9 april 2019.
  6. International Council of Museums, ‘ICOM Statuses adopted by the 22nd General Assembly’, ICOM, Wenen, Eastenryk, 24 augustus 2007, Kêst 3, Seksje 1. Museum, icom.museum/en/activities/standards-guidelines/museum-definition/, krigen 16 april 2019.
  7. Asing Walthaus, ‘Directeur Kris Callens weet het wel: ‘Breng 11Fountains onder bij het Fries Museum’ ’, Leeuwarder Courant, 10 april 2019, www.lc.nl/friesland/Directeur-Kris-Callens-weet-het-wel-Breng-11Fountains-onder-bij-het-Fries-Museum-24350201.html, krigen 10 april 2019.
  8. Raad voor Cultuur, ‘Kleine en middelgrote musea in nood’, Cultuur, 19 april 2018, www.cultuur.nl/adviezen/erfgoed/raad-voor-cultuur-kleine-en-middelgrote-musea-in-nood/item3840, krigen 16 april 2019.
  9. Asing Walthaus, ‘Directeur Kris Callens weet het wel: ‘Breng 11Fountains onder bij het Fries Museum’ ’, Leeuwarder Courant, 10 april 2019, www.lc.nl/friesland/Directeur-Kris-Callens-weet-het-wel-Breng-11Fountains-onder-bij-het-Fries-Museum-24350201.html, krigen 10 april 2019.
  10. Karen de Meester, ‘Een balanceeract: Cultureel ondernemen voor musea’, Cultuur+Ondernemen, g.d., www.cultuur-ondernemen.nl/cultureel-ondernemen-voor-musea-een-balanceeract, krigen 16 april 2019.
  11. Raad voor Cultuur, ‘Sectoradvies musea: In wankel evenwicht’, Cultuur, 19 april 2018, 66 www.cultuur.nl/upload/documents/adviezen/Sectoradvies-Musea.pdf, krigen 16 april 2019.
  12. International Council of Museums (ICOM), ‘Strategic plan 2016-2022’, ICOM, 4, icom.museum/wp-content/uploads/2018/06/ICOM_STRATEGIC_PLAN_2016-2022_ENG.pdf, krigen 16 april 2019.
  13. Rianne Kramer, ‘Lees hier de Magister Alvinuslezing: Directeur Fries Museum Kris Callens pleit voor een nieuw icoon voor Fryslân’, Friesch Dagblad, 27 maart 2019, frieschdagblad.nl/2019/3/27/lees-hier-de-magister-alvinuslezing-directeur-fries-museum-kris-callens-pleit-voor-een-nieuw-icoon-voor-fryslan, krigen 16 april 2019.
  14. Inequality Bites, ‘Samuel Bowles: The winner take all scenario’, Youtube, 22 novimber 2013, 0:40-1:04, www.youtube.com/watch?v=YiB7GKf7QwY, krigen 16 april 2019.
  15. Jim McGuigan, Neoliberal culture (New York 2016) 68-69.
  16. Haye van der Heyden, ‘De cultuursector heeft het terecht zwaar: Minder subsidie is een oplossing’, The Post Online, 22 jannewaris 2016, politiek.tpo.nl/column/de-cultuursector-heeft-het-terecht-zwaar/, krigen 16 april 2019.
  17. Hannah Nussbaum, ‘What does a privatized art world look like?’, Format, 24 maart 2017, www.format.com/magazine/news/art/nea-arts-budget-privatization, krigen 16 april 2019.
  18. Gerbrich van der Meer, ‘Voorbij LF2018 en de Pauperfontein; verder bouwen aan gebaande wegen’, Friesch Dagblad, 19 desimber 2018, frieschdagblad.nl/2018/12/19/voorbij-lf2018-en-de-pauperfontein-verder-bouwen-aan-gebaande-wegen, krigen 16 april 2019.
  19. ‘Culture as weapon’, Melville House, g.d., www.mhpbooks.com/books/culture-as-weapon/, krigen 16 april 2019.
  20. Nato Thompson, Culture as weapon: The art of influence in everyday life (New York 2018) 55-57, et passim.
  21. Jen Harvie, ‘The ‘Artrepreneur’: Artists and Entrepreneurialism’, yn Fair play - art, performance and neoliberalism (Basingstoke 2013) 62-107, 63.
  22. Jen Harvie, ‘The ‘Artrepreneur’: Artists and Entrepreneurialism’, yn Fair play - art, performance and neoliberalism (Basingstoke 2013) 62-107, 62.
  23. Holger Schwetter, ‘From record contract to artrepreneur? Musicians’ self-management and the changing illusio in the music market’, Kritika Kultura 32 (2018) 183-207, 197, doi.org/10.13185/2983.
  24. QMUL School of English and Drama, ‘Jen Harvie on ‘Fair Play’ (2013)’, Vimeo, 2013, vimeo.com/86982570, krigen 16 april 2019.
  25. Leeuwarden-Fryslân 2018, ‘2-Meting monitoring & evaluatie’, jannewaris 2018, etfi (European Tourism Future Institute), g.d., 52, www.etfi.nl/sites/default/files/attachments/2-meting_monitoring_evaluatie_lf2018_0.pdf, krigen 16 april 2019.

Fers2 nû. 5.7, 7 april 2019

“Jimme wiene neffens my yn in groepke”

of, Ferd Crone syn ynstitusjonele wearze yn Antillianen

image Fers2

In freon gie it sikehûs yn doe’t de Brexit troubles medio jannewaris in deifoljend drama waarden. Op it besikersoere koe er in bytsje bypraat wurde oer hoe’t Mayday hieltyd knoffeliger tichterby kaam. Mar doe’t ik twa wiken lyn fertelde oer de rassistykse feiligensaginda fan de gemeente Ljouwert—dy’t noch altyd ûnferoare op it gemeentewebside stiet—sei ús freon fernuvere: “Wêrom no?”

Hiene se net wachtsje kinnen oant hy der wer by wêze koe? No, al santich jier lyn, yn ’e jierren 1950 brochten Surinaamse en Antilliaanse studinteorganisaasjes it rassisme en de ûngelikense hiërargyske ferhâldingen yn de Nederlânske en oerseeske postkoloniale mienskip al op ’t aljemint. Fjirtich jier lyn waard it rassisme tsjin Antillianen in maatskiplik fraachstik dêr’t net ien langer om hinne koe. Dêrby kaam de moard op Kerwin Duinmeijer op 20 augustus 1983. De Antilliaanske jonge fan fyftjin jier wie delstutsen troch in wite Nederlanner yn Amsterdam. In taksy­sjauffeur op de Dam ferrekte it om Kerwin yn syn taksy nei it sikehûs te bringen. Net inkeld de Antilliaanske mienskip, mar ek oaren neame Duinmeijer syn dea: “Fermoarde om’t er swart wie”. Se pleatse in antyrassismemomunint yn it Vondelpark, Mama Baranka. Dêr lizze faak farske blommen by.

Antyswart rassisme is au fond it as ûnsichtber beskôgjen fan de persoan of groep: it ûnsichtber meitsjen dat swarte boargers ûnderfine. Dat is in ûnsichtberens dy’t ynienen ferdwynt ûnder de skynljochten. “Neem bijvoorbeeld het winnen van het EK in 1988, toen werden de zwarte spelers allemaal omschreven als Nederlanders. Dit geldt ook voor de Antilliaanse en Arubaanse baseballspelers die veel voor Nederland winnen in het Nationale Baseballteam. Maar op het EK 1996 in Engeland toen het misging, werd onderscheid gemaakt en was het volgens de media de schuld van de Surinamers in het Nederlandse elftal en Clarence Seedorf had bovendien een penalty gemist. Daarnaast komt de zichtbaar­heid in beeld indien iets negatiefs plaatsvindt; dan krijgt de zwarte meer dan genoeg negatieve media-aandacht.

In feite wordt de zwarte in zijn streven mens te zijn vooral op momenten van crisis gezien en dan vaak niet als mens.”Artwell Cain en Deniece Wijdenbosch, ‘Uitsluitingsmechanismes van mensen van Afrikaanse afkomst in Nederland: Wat is erover bekend? Een quick scan van de literatuur’, Vrije Universiteit Amsterdam, 1 septimber 2017, 11, 46, www.rijksoverheid.nl/binaries/rijksoverheid/documenten/publicaties/2017/09/21/rapport-uitsluitingsmechanismes/Rapport+Uitsluitingsmechanismes+VU+sept.+2017.pdf, krigen 4 april 2019.

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert hat it net útfûn: al yn 2000 waard etnysk suverjen fan ‘ús’ lân in salonfähig ûnderwerp. De eask fan talittingsbeheining út de Kariben wei hearre jo fan de jierren fyftich ôf. Dat liket hieltyd polityk net te dwaan, oant nei 2000 in grut part fan it parlemint en ek ûnder oaren boargemaster Opstelten fan Rotterdam ‘de politike korrektheid foarby is’. Minister van Frjemdlingesaken en Yntegraasje Rita Verdonk liedt in hurd ymmigraasje- en assimilaajebelied om de Nederlânske ‘kultuer’ te beskermjen. Hja stelt yn 2004 in ynboargeringseksamen út foar bûten Nederlân berne ymmigranten. Ek seit se ta en ûntwerp in talittings- en fuortstjoerregeling foar Antilliaanske kriminelen. Dêrmei makket se in koalysjebrede moasje fan CDA-fraksjefoarsitter Verhagen, mei-ûndertekene troch VVD en D66, oerstallich.Gert Oostindie en Inge Klinkers, Gedeeld Koninkrijk. De ontmanteling van de Nederlandse Antillen en de vernieuwing van de trans-Atlantische relatie (Amsterdam 2012), 80-81, pure.knaw.nl/portal/files/480430/Oostindie_&_Klinkers,_Gedeeld_Koninkrijk_2012.pdf, krigen 4 april 2019. ‘40 jaar Haagse strijd tegen immigratie uit de Cariben’, Koninklijksrelaties.nu, 11 januari 2019, koninkrijksrelaties.nu/2019/01/11/40-jaar-haagse-strijd-tegen-immigratie-uit-de-cariben/, krigen 3 april 2019. Hjir stiet de tiidsline Haachske striid tsjin ymmigraasje út de Kariben.

Crone moat no inkeld mar fierder pisje as dat Baudet pisse op 20 maart: “Maar net als al die andere landen van onze boreale wereld, worden we kapotgemaakt door de mensen die ons juist zouden moeten beschermen. …

Vervolgens lieten de achtereenvolgende kabinetten Rutte de grenzen wagenwijd openstaan en braken die kabinetten immigratie­record na immigratierecord. Met alle immigratie en integratie­problemen die we al hebben werden op nieuw honderd­duizenden mensen uit totaal andere culturen dan de onze binnengelaten. …

En het is nooit urgenter en noodzakelijker geweest dan nu, dat mensen van goede wil de handen ineenslaan om de banden met onze tradities te herstellen. Om onze kracht te hervinden en nieuwe kruisbestuivingen tot stand te brengen. Om al het goede dat we in de wereld kunnen vinden te verbinden met onze oude wortels, en zo het land weer te laten bloeien.”‘Spreektekst Thierry Baudet, verkiezingsavond 20 maart 2019’, ANP, Trouw, 21 maart 2019, www.trouw.nl/democratie/spreektekst-thierry-baudet-verkiezingsavond-20-maart-2019~ae2a1539/, krigen 28 maart 2019.

Baudet syn Forum voor Democratie wurdt yn ien klap de twadde partij yn de steateverkiezingen: fan 0 nei 6 sitten. Trouwens alle provinsjale steatekandidaten anno ’19 binne fan wite West-Europeeske komôf, útsein de Denk-kandidaten dy’t foar it gesicht meidogge oan de ferkiezingen yn Fryslân want se krije dochs gjin stimmen.

Rjochtspopulisme krijt syn sin troch obstinate scapegoating en dom trochdrukken. Op 30 jannewaris seit Sietse Fritsma dat de 2e Keamer “naar verwachting binnen enkele weken of maanden” de Fritsma & De Graaf-wet behannelet, om kriminele Antillianen werom te stjoeren; wetútstel yntsjinne op 1 oktober 2014 en al dalik ôfkard troch de Steatsrie om ûnrjochtlike diskriminaasje. Ljouwert seit: “In 2015 is de motie aanpak druggerelateerde criminaliteit en overlast vastgesteld en vervolgens deels uitgewerkt. Tijdens de raadsvergadering bij de begrotingsbehandeling 2019 is de motie alsnog aangenomen.”John Samson, ‘PVV hoopt alsnog op steun voor plan om ‘criminele Antillianen’ uit te zetten’, Caribisch Netwerk, 30 jannewaris 2019, caribischnetwerk.ntr.nl/2019/01/30/pvv-hoopt-alsnog-op-steun-voor-plan-om-criminele-antillianen-uit-te-zetten/, krigen 4 april 2019; ‘Veiligheidsagenda 2019 - 2023 en geïntegreerd uitvoeringsprogramma 2019 - 2020’, Gemeente Leeuwarden, g.d., 19, www.leeuwarden.nl/nl/file/35382/download, 6 april 2019.

Yn 2015 wenje yn Ljouwert 1200 Antillianen. 10 persint fan har soe te krijen hân ha mei justysje. De plannen lizze klear [o?] en op 22 juny stimt de gemeenteried royaal foar: oanpak fan de drugshannel op de Weaze, previnsje sadat jongerein net it kriminele paad op rinne, stipe foar Antillianen dy’t werom wolle nei de Antillen.‘Leeuwarden pakt overlast door Antilliaanse dealers aan’, Omrop Fryslân, 13 maaie 2015, www.omropfryslan.nl/nieuws/415623-leeuwarden-pakt-overlast-door-antilliaanse-dealers-aan, krigen 4 april 2019; Gemeente: meer aandacht voor drugsproblemen Antilliaanse gemeenschap’, Leo Middelsé, 13 maaie 2015, leomiddelse.nl/gemeente-meer-aandacht-voor-drugsproblemen-antilliaanse-gemeenschap/, krigen 4 april 2019. “Kosten: ca. €4.000 per persoon voor vliegticket en begeleiding; max. 5 personen per jaar. Totaal: €20.000 per jaar. … De kosten die daarvoor worden gemaakt, zijn zeer beperkt vergeleken bij de schadelast die mensen uit deze groep veroorzaken als ze in Nederland blijven.”‘Plan van Aanpak groepsgerelateerde drugshandel Antillianen’, Gemeente Leeuwarden, 2015, 12, leeuwarden.notubiz.nl/document/2206606/1, krigen 4 april 2019. Meiinoar kostje de plannen 275.000. Crone sil nei it simmerreses in plan fan oanpak oerlangje mei in sinteraasje­paragraaf. Neffens him hat Ljouwert miljoenen foar sosjaal belied beskikber: “En dit verdient prioriteit.” Tagelyk seit plysjesjef Cor Reijenga oangeande de Antilliaanske drugdealers dat it yn ’e binnenstêd ‘redelijk rustig’ is: “We zitten er bovenop.”‘Geld voor strijd tegen problemen Antillianen’, Leeuwarder Courant, 23 juny 2015, 24.

Net wier. It gie sa. De kulturele haadstêd kaam deroan. Yn novimber 2015 tsjinnet de ried in moasje yn om de binnenstêd skjin te feien. Se ‘konkludearje’ dat de iepenbiere oarder lyk om de Weaze hinne fertutearzet en dat “voornamelijk personen van Antilliaanse afkomst hier nog steeds een belangrijke doelgroep” foarmje.‘Toelichting besluiten veiligheidsrisicogebied in relatie tot preventief fouilleren en messenverbod’, maart 2014, Overheid, g.d. (2014), decentrale.regelgeving.overheid.nl/cvdr/images/Leeuwarden/i236789.pdf, krigen 4 april 2019. Dat Crone jaget de Antillianen fan de Weaze ôf, mar “Het neveneffect van voorgaand optreden is dat de drugsoverlast nu meer verspreid plaats vindt in Leeuwarden. Dit zorgt voor meer incidenten/meldingen, omdat het probleem nu minder geconcen­treerd is.”‘Veiligheidsprestatie index Leeuwarden 2015: 12e editie van de Leeuwarder wijkveiligheidsindex’, Gemeente Leeuwarden, 4 april 2016, 10 www.leeuwarden.nl/nl/file/828/download, krigen 4 april 2019. “De vele politieacties veroorzaken wel een stijging van het aantal incidenten, dus de criminaliteitscijfers zullen nog enige tijd ongunstig blijven.”‘Begroting 2016 gemeente Leeuwarden: Programma Veiligheid’, Gemeente Leeuwarden, g.d. [septimber 2015], 1, financieel.leeuwarden.nl/begroting/2016-2019/wp-content/uploads/2015/09/Programma-Veiligheid.pdf, krigen 4 april 2019. Etnysk profilearjen helpt meastal net.

Op 16 maart komt in man foar dy’t mei in revolver yn ’e Achmeatoer sketten hat, sjochst no wol: “Een kleine groep zorgt volgens burgemeester Ferd Crone voor het grote aandeel van Antillianen in de lokale criminaliteitscijfers.”André Horjus, ‘Leeuwarder (28) trekt revolver, kogel komt in dubbele ramen Achmeatoren terecht: ‘Ik kon niet anders’ ’, Leeuwarder Courant, 16 maart 2019, www.lc.nl/friesland/Leeuwarder-28-trekt-revolver-kogel-komt-in-dubbele-ramen-Achmeatoren-terecht-Ik-kon-niet-anders-24271704.html, krigen 4 april 2019.

“Antilliaanse Nederlanders hebben als groep een negatief imago. De criminaliteit en recidive van Antilliaanse jongeren zijn, samen met die van Marokkaanse jongeren, de hoogste in Nederland”, seit de gemeente Ljouwert, en dat se har basearje op ûndersyk fan Risbo.‘Plan van Aanpak groepsgerelateerde drugshandel Antillianen’, Gemeente Leeuwarden, g.d. [2015], 3, leeuwarden.notubiz.nl/document/2206606/1, krigen 4 april 2019.

Nee. Yn dat rapport stiet: “In Leeuwarden is het aandeel Antilliaans-Nederlandse werkzoekenden het hoogst (25,3 procent). … De oververtegenwoordiging is het hoogst in Leeuwarden (169 procent). Een belangrijke doelstelling van het beleid is om de oververtegenwoordiging terug te dringen.” En: “In Leeuwarden is het aandeel Antilliaans-Nederlandse verdachten [sic!] van 12 jaar en ouder in de 21 gemeenten in 2012 het hoogst (10,4 procent) is de oververtegenwoordiging eveneens relatief hoog.”J. de Boom, P. van Wensveen, P. Hermus, A. Weltevrede, en M. van San, Antilliaanse Nederlanders 2013: De positie op de terreinen van onderwijs, arbeid en uitkering en criminaliteit (meting 4) (Rotterdam: Risbo, Erasmus Universiteit, 2014) 36, 60, zoek.officielebekendmakingen.nl/blg-335829.pdf, krigen 4 april 2019.

It giet dus om fertochten, net om feroardielden—jo kinne elkenien wol fertinke—en it wurd ‘recidive’ komt yn it rapport net foar.

Geert-Jan Stams, myn dosint forensyske ortopedagogyk op de UvA, rûn de doar plat by it ministearje fan Justysje om te fertellen dat ‘etnyske’ jeugdmisdie net slimmer en stiver is, mar fan in oar type: “Public-order offenses were most common in the Dutch group, nonviolent property offenses in the Moroccan and Turkish groups, violent property offenses in the Surinamese group, and both public-order and nonviolent property offenses in the Antillean group.”Claudia van der Put, Geert-Jan Stams, Maja Deković, Machteld Hoeve, Peter van der Laan, ‘Ethnic differences in offense patterns and the prevalence and impact of risk factors for recidivism’, International Criminal Justice Review, 31 maart 2013, doi.org/10.1177/1057567713482940. Swierder straffe helpt dus net; mar Stams syn ûndersyk ferdwûn faak yn ’t laad.

Each foar elektoraal súkses—Crone stiet as tredde op ’e PvdA-kandidatelist foar de earste keamer—sûnder ynteresse yn de proporsjonaliteit en de effektiviteit fan straffen, is typysk punityf populisme. “Penal populistst allow the electoral advantage of a policy to take precedence over its penal effectiveness.”Julian V. Roberts, Loretta J. Stalans, David Indermaur en Mike Hough, Penal populism and public opinion: Lessons from five countries (Oxford / New York 2003) 5.

Al yn 2008 melde Crone dat de Fryske plysje de Antillianen yn Ljouwert ‘hinderlik folge’ en hy tocht dat dêrtroch it tal ynsidinten en arrestaasjes fluch tanimme soe: “Maar dat komt omdat we nu heel dicht boven op ze zitten en heel goed opletten. We kennen nu alle namen en rugnummers van de criminele Antillianen in onze stad. Ze kunnen niet meer aan onze aandacht ontsnappen.”‘Leeuwarden volgt criminele Antillianen hinderlijk’, de Volkskrant, 13 augustus 2008, www.volkskrant.nl/nieuws-achtergrond/leeuwarden-volgt-criminele-antillianen-hinderlijk~b517218e/, krigen 4 april 2019.

Alve jier letter leit it Ljouwerter kriminaliteitsfraachstik der krekt itselde by. De nije feiligensaginda fan Ljouwert neamt (opnij) mar ien etnyske doelgroep: de Antillianen. “Aanpak plegers criminaliteit en (drugs)overlast etnisch gerelateerd

Leeuwarden is één van de 22 gemeenten in Nederland waar relatief veel Antilliaanse Nederlanders wonen. Sinds de afschaffing van de zogeheten bijdrageregeling Antillianengemeenten, in 2011, krijgt Leeuwarden geen financiële steun meer van het Rijk voor een gerichte doelgroepenaanpak.

Een kleine groep Antilliaanse Nederlanders in Leeuwarden zorgt, ondanks enige afname van de overlast in de binnenstad, voor toenemende problemen.

Daarnaast is er onder Antilliaanse Nederlanders ook een hardnekkige sociale problematiek: uitkeringsafhankelijkheid, opvoedingsproblematiek, tienerzwangerschappen en voortijdig schoolverlaten komen er vaak voor. De (financiële) lasten voor de samenleving zijn daarmee hoog. De grotere instroom van “kansloze Antillianen” uit de Nederlandse Antillen en vooral ook uit Rotterdam in de laatste jaren baart zorgen. Hierdoor nemen de problemen met deze doelgroep alleen maar toe.

Er is op dit moment geen specifiek Antillianenbeleid (het doelgroepenbeleid is afgeschaft). Een apart beleid is niet nodig, maar inzetten binnen regulier beleid op extra interventies, een specifieke aanpakopgave richting de doelgroep is wel nodig: preventie waar mogelijk en repressie waar het moet. Vanuit de regie van de Taskforce zal de nadruk komen te liggen op repressie en het onaantrekkelijker maken van het vestigingsklimaat.

We plannen een werkbezoek aan Rotterdam en Almere om te leren van hun aanpak en om te komen tot samenwerkingsafspraken om het afreizen naar Leeuwarden te voorkomen.

Antillianen repressief 25.000.”‘Veiligheidsagenda 2019 - 2023 en geïntegreerd uitvoeringsprogramma 2019 - 2020’, Gemeente Leeuwarden, g.d., 19-20, 37, www.leeuwarden.nl/nl/file/35382/download, 6 april 2019.

“Een ongelukkige communicatie en woordkeuze”, behimmelje gemeenteriedsleden it kontroversjele wurd ‘kânsleas’. Ferd Crone seit leaver fan “minder kansrijke Antillianen.”Karin de Mik, ‘Antillianen in Leeuwarden moeten meer doen dan chillen’, Trouw, 11 febrewaris 2019, www.trouw.nl/samenleving/antillianen-in-leeuwarden-moeten-meer-doen-dan-chillen~acd92757/, krigen 4 april 2019. “Het is niet helemaal slim en handig gecommuniceerd”, seit PvdA-riedslid Ursula de Voogd. “Maar etnisch gerelateerde criminaliteit bestaat wel.”Natasja Gibbs, ‘Gemeente Leeuwarden schrapt omstreden paragraaf over kansloze Antillianen: ‘eerst zien dan geloven’ ’, Caribisch Netwerk/NTR, 26 maart 2019, caribischnetwerk.ntr.nl/2019/03/26/gemeente-leeuwarden-schrapt-omstreden-paragraaf-over-kansloze-antillianen-eerst-zien-dan-geloven/, krigen 4 april 2019. Gegevens mankearje lykwols oer hoe grut oft de random sample fan De Voogd wie en hokker metodyk hja hantearret. De renomearre Piquero en Brame sizze yn har peer reviewed journal Crime & Delinquency:

“To date, there is little evidence on which to base inferences about the relationship between race and criminal involvement within serious offender populations.”Alex R. Piquero en Robert W. Brame, Assessing the race–crime and ethnicity–crime relationship in a sample of serious adolescent delinquents, Crime & Delinqency 54:3 (2008) 390–422, doi.org/10.1177/0011128707307219.

D66-fraksjefoarsitter Julie Bruijnincx seit simpelwei: “Antillianen zijn oververtegenwoordigd in de criminaliteit. Om het probleem aan de pakken moet je de groep wel bij naam noemen, hoe vervelend dat ook is.”Jan-Peter Soenveld en Geert Veldstra, ‘Crone: Antillianen vragen zelf om aanpak’, Friesch Dagblad, 6 maart 2019, frieschdagblad.nl/2019/3/6/crone-antillianen-vragen-zelf-om-aanpak, krigen 4 april 2019. Is dat foaroardiel? Of rassisme?

Ik sykje op Youtube in útfiering fan Pinter syn Homecoming, want dat bin ik oan it lêzen. Ik klik yn de karbalke rjochts op it byld dat it fleurichst eaget. Ut de kûlissen rinne in akteur en in aktrise it toaniel op, beide swart. Hee, tink ik, dit strykt net. Automatysk slút ik it finster. By it lêzen fan Homecoming hie ik wite lju op myn netflues hân. Ek al haw ik nea wat fan Pinter sjoen.

Hilly Veentra út Twizelerheide, fan it komitee ‘AZC Nee’, orearet yn 1999 dat asylsikerssintra “broeinesten van mensensmokkel, drugshandel en andere criminele activiteiten” binne. Hja wurdt straft foar oansetten ta diskriminaasje en geweld. Yn 2003 wurde trije mannen feroardiele foar tariedingen om in asylsikerssintrum yn brân te stekken. De ofsier fan justysje neamt it “ûnferhoalen rassisme.”

Bruijnincx en Crone—en Fritsma, Bosman en Hirsch-Ballin dy’t wetsútstellen dien hawwe ta eksklusyf útsluten fan ien etnisiteit, de Antilliaanske—wurde net straft. Want har diskriminaasje of rassisme is net persoanlik, mar ynstitúsjoneel. Ynstitúsjoneel rassisme is rassediskriminaasje dy’t yn in maatskippij of organisaasje fêst is kommen te lizzen as gewoan gedrach. “Institutional racism is an ecological form of discrimination. It refers to inequitable outcomes for different racialized groups. There is a lack of effective action by an organization or organizations to eradicate the inequitable outcomes.”Kwame McKenzie, ‘Rethinking the definition of institutional racism’, Wellesley Institute, [Toronto] juny 2017, www.wellesleyinstitute.com/wp-content/uploads/2017/05/Rethinking-the-Definition-of-Institutional-Racism.pdf, krigen 4 april 2019; sjoch ek Stokely Carmichael en Charles V. Hamilton, Black power: The politics of liberation in America (New York 1992), 4 [pdf: 20] mygaryislike.files.wordpress.com/2016/12/black-power-kwame-ture-and-charles-hamilton.pdf, krigen 4 april 2019. It bewiis foar it foarkommen fan ynstitúsjoneel rassisme is it strukturele ferskil yn útkomst—lykas yn kriminaliteitssifers—tusken ferskillende etnisiteiten.

The main reason behind institutional discrimination is pegged to be pure, unadulterated prejudice. Many times, this is subconsciously done.Rujuta Borkar, ‘The issue of institutional discrimination with a few examples’, OpinionFront, 21 desimber 2017, opinionfront.com/examples-of-institutional-discrimination. krigen 4 april 2019.

The most profound problem is that the exclusion from town denies the people of these communities the right to vote and thus hold local governments accountable.Cedar Grove Institute for Sustainable Communities, ‘Institutionalized discriminaton: Fighting institutionalized discrimination and exclusion of minorities’, Wayback Machine, 4 july 2008, web.archive.org/web/20080704203828/http://home.mindspring.com/~mcmoss/cedargrove/id11.html, krigen 4 april 2019. Yn in wyt-suvere stêd is gjin swartenien mear oer om te sizzen dat it net rjochtfeardich is → it ûnrjocht wurdt permanint en gewoan.

Rjochtspopulisme leaut net oan ynstitúsjoneel rassisme, om’t ferskil yn útkomst altyd oan de yndividu lizze soe.Sjoch bygelyks Josh Park, ‘The myth of institutional racism’, Merion West, 19 augustus 2017, merionwest.com/2017/08/19/the-myth-of-institutional-racism/, krigen 4 april 2019. Organisaasjes diskriminearje ek faak net mei opsetsin, mar gewoan om’t it gewoan is en net har skuld. “Universities will not be able to promote race equality unless they see it as their responsibility to take ameliorative action.”Andrew Pilkington, ‘Tackling institutional racism in universities effectively’, University World News, 2 juny 2017, www.universityworldnews.com/post.php?story=20170530075921818, krigen 4 april 2019.

De relaasje fan ynstitúsjoneel rassisme en najonalisme & wite superioriteit stiet fêst;Spencer Sunshine, ‘The future of the U.S. “Populist Radical Right” and White Nationalism: Looking at Cas Mudde’s The Far Right in America’, Political Research, 27 maart 2018, www.politicalresearch.org/tag/white-nationalism/, krigen 3 april 2019. de relaasje fan ynstitúsjoneel rassisme mei plysjegeweld allyksa.Het Nederlands Juristen Comité voor de Mensenrechten, ‘Nederland moet meer doen tegen racisme’, NJCM, 31 augustus 2015, njcm.nl/actueel/nederland-moet-meer-doen-tegen-racisme/, krigen 4 april 2019; Aldina Mesic, Lydia Franklin, Alev Cansever, Fiona Potter, Anika Sharma, Anita Knopov, en Michael Siegel, ‘The relationship between structural racism and black-white disparities in fatal police shootings at the state level’, Journal of the National Medical Association 110:2 (2018) 106-116, doi.org/10.1016/j.jnma.2017.12.002.

Rassisme is der yn Nederlân “op veel terreinen en in verschillende gedaanten”, seit it College voor de Rechten van de Mens yn syn jierrapportaazje 2014. Politisy likegoed as sinteklaasfierders moatte dat erkenne. Op de dei fan de presintaasje docht it College ek twa útspraken oer “dagelijks racisme”. Dat Club Red in Antilliaanske man de tagong ta it nijjiersfeest wegere om’t it wike earder oare ‘Antillianen’ fochten hiene, is diskriminaasje.Maaike van Houten, ‘Racisme in Nederland? Kom nou!’, Trouw, 2 july 2014, www.trouw.nl/home/racisme-in-nederland-kom-nou-~aaa3d3a7/, krigen 4 april 2019. Crone docht neat nei dat rassistyske doarbelied, ek al is it syn taak as boargemaster.

Rassediskriminaasje is dan al tsien jier “nogal heftig” yn Fryslân. Yn 2004 ferbiedt it Dockinga College Lonsdale-klean. Skoalbern hawwe dy oan want “We haten zwarten” en “Het zijn allemaal profiteurs.” “En wij maar werken.” Diskriminaasjemeldpunt Tûmba seit dat it probleem om Dokkum hinne spilet: “In Leeuwarden heb je ook wel Lonsdale-jongeren, maar daar zijn geen gewelddadig­heden.”Greta Riemersma, ‘ ‘Die ideeën zitten in je hoofd en niet in je kleren’ ’, de Volkskrant, 2 septimber 2004, www.volkskrant.nl/nieuws-achtergrond/die-ideeen-zitten-in-je-hoofd-en-niet-in-je-kleren~b96a300c/, krigen 3 april 2019. Yn 2015 meldt Tûmba lykwols dat der yn de gemeente Ljouwert flink mear diskriminearre wurdt nei kleur fan it fel en komôf as earder.Discriminatie Meldpunt Groningen, Tûmba, Meldpunt Discriminatie Drenthe, ‘Monitor discriminatie 2015’, Tûmba, maart 2016, 4, 6-7, www.tumba.nl/bestand/270/, krigen 3 april 2019.

Ek lit ûndersyk sjen dat resinte sosjale, politike en juridyske ûntjouwingen de mooglikheid foar de plysje yn Nederlân fergrutte hawwe om etnysk te profilearjen, meastal yn praktyk brocht by it previntyf fûllearjen, om identiteitspapieren freegjen, arrestearjen, ensafourthinne. “Being a country of immigration, mostly immigrants tend to fall victim to these practices. Illustrated by the stop and search powers that have been introduced at municipal level in 2002 and in 2006 in the context of counterterrorism. … Moreover, countless policy measures and special funds have been introduced to deal specifically with crime problems and disorder amongst youngsters with an Antillean and Moroccan background, the main ‘symbolic suspects’ at the moment.Joanne P. van der Leun en Maartje A.H. van der Woude, ‘Ethnic profiling in the Netherlands? A reflection on expanding preventivepowers, ethnic profiling and a changing social and political context’, Policing & Society 21:4 (2011) 444-455, 444, 445, respubca.home.xs4all.nl/pdf/EthnicprofilingintheNetherlands.pdf, krigen 4 april 2019. Sjoch ek Quirine Eijkman, ‘Has the genie been let out of the bottle? Ethnic profiling in the Netherlands’, Public Space 5:2 (2010) 1-21, www.burojansen.nl/pdf/hastheGenieBeenLetOutoftheBottle.pdf, krigen 4 april 2019.

Etnysk profilearjen kin teoretysk net wurkje seit Bernard Harcourt yn Against prediction, want sels as de minderheid de wet faker oergiet, is de mearderheid grutter. Plus, al ‘bewiist’ it mear fangen fan etnyske boefkes harren hegere delinkwintens, de taak van de plysje is net om misdie te ûntdekken (by de minderheid) mar him werom te kringen. Dêrneist is der de ‘relative elastisiteit fan oertrêden ta policing’: de wite mearderheid dy’t dochs net fûllearre wurdt ferkeapet no de dope op ’e Weaze.Bernard E. Harcourt, Against prediction: Profiling, policing, and punishing in an acturial age (Chicago: University of Chicago Press, 2007); Bernard E. Harcourt, ‘Against prediction: Profiling, policing, and punishing in an acturial age’, University of Chicago Public Law & Legal Theory, Working Paper No. 94, University of Chicago, 2005, chicagounbound.uchicago.edu/cgi/viewcontent.cgi?article=1021&context=public_law_and_legal_theory, krigen 4 april 2019.

“There is no evidence that ethnic profiling stops crime or prevents terrorism. Separate studies in the United Kingdom, the United States, Sweden, and the Netherlands have all concluded that ethnic profiling is ineffective.”Open Society Justice Initiative, ‘Ethnic profiling in the European Union: Pervasive, ineffective, and discriminatory’, Open Society Institute, maaie 2009, 11, www.opensocietyfoundations.org/sites/default/files/profiling_20090526.pdf, krigen 4 april 2019.

“Proactief politieoptreden vormt risico voor mensenrechten”, seit Amnesty. “Etnische minderheden worden … vaker aan proactieve politiecontroles onderworpen zonder dat zij verdachte zijn of er een geïndividualiseerde aanwijzing voor de controle bestaat. Het is een vorm van discriminatie die bijdraagt aan stigmatisering en negatieve beeldvorming over etnische minderheden.”‘Proactief politieoptreden vormt risico voor mensenrechten’, Amnesty International, oktober 2013, 3, www.amnesty.nl/content/uploads/2016/11/rapport_etnisch_profileren_ainl_28_okt_2013.pdf, krigen 4 april 2019; sjoch ek Lieke Hettinga, Cor van der Leemputten en Deloris Wilson, ‘The Silence of injustice: Mapping ethnic profiling in stop-and-search practices in the Netherlands’, Humanity in Action, 2013, www.humanityinaction.org/knowledgebase/541-the-silence-of-injustice-mapping-ethnic-profiling-in-stop-and-search-practices-in-the-netherlands, krigen 4 april 2019.

“The European Court of Human Rights has made clear that ethnic profiling, like other differences in treatment based “exclusively or to a decisive extent on a person’s ethnic origin,” is per se unlawful.”Open Society Justice Initiative, ‘Ethnic profiling in the European Union: Pervasive, ineffective, and discriminatory’, Open Society Institute, maaie 2009, 10, www.opensocietyfoundations.org/sites/default/files/profiling_20090526.pdf, krigen 4 april 2019.

Yn Grou is der (dus) gjin etnisiteit, gjin etnysk profilearjen fan de plysje, mar in echte eksklusive oertrêding. In swarte sjoernalist mei befeiliging wol Grou yn. De plysje keart him by de benzinepomp oan de yngong fan it doarp. Earst meie se trochride it doarp yn, dêr’t in grutte ploech wite parse is. Mar dan wurde sy, as iennichste fan ’e sjoernalisten, dochs sommearre om fuort te gean,Joris Hanse, ‘Grou: demonstratie tegen Swarte Pyt en racistisch profileren van journalisten (beeldverslag)’, [Antyrassismehiemhûn] Doorbraak, 9 febrewaris 2019, www.doorbraak.eu/grou-demonstratie-tegen-swarte-pyt-en-racistisch-profileren-van-journalisten-beeldverslag/, krigen 4 april 2019. want: “Zij zouden omstanders op een te confronterende manier hebben benaderd, waardoor mensen zich eraan begonnen te ergeren. Daarom waren zij bij de festiviteiten niet meer welkom, volgens de burgemeester [Crone]. Hun verwijdering verliep zonder problemen. Wel werden beiden uitgescholden door een groepje jonge mannen in het publiek.”Arodi Buitenwerf & Erwin Boers, ‘Terugkijken: Rustige intocht Sint Piter, één klein incidentje’, Leeuwarder Courant, 9/13 febrewaris 2019, www.lc.nl/friesland/Terugkijken-Rustige-intocht-Sint-Piter-%C3%A9%C3%A9n-klein-incidentje-24165008.html, krigen 3 april 2019. Ruptly TV-sjoernalist Kevin P. Roberson freget nei de Sint Piterfiering (dy’t er net ferslaan mocht) oan de Ljouwerter iepenbiere oarderamtner Hillebrand Tanja oft dy reagearje kin op it fuortstjoeren fan Roberson. Tanja draait him yn krinkels om Roberson net oan te sjen en hat it te drok om te anderjen.

“Jullie waren volgens mij in een groepje. Ik krijg telefoon, sorry.”Kevin P. Roberson, ‘[Raw Footage] Journalist Kevin P. Roberson vraagt Hillebrand Tanja waarom hij weg wordt gestuurd’, Youtube, 10 febrewaris 2019, 1:15, www.youtube.com/watch?v=xSZNBUK4uXY, krigen 4 april 2019; sjoch ek Kevin P. Roberson, ‘[Raw Footage] Journalist Kevin P. Roberson interviewt twee mensen in Grou’, Youtube, 10 febrewaris 2019, www.youtube.com/watch?v=3_mlVwvKgQ8, krigen 4 april 2019.

Ljouwert stiet net allinne. Krekt as de Nederlânske plysje ein 2017 lang om let regels opstelt tsjin etnysk profilearjen, komt Rotterdam mei in útwreiding fan de patseroanpak dy’t de rjochtspopulisten yn 2010 forsearren: in jasserazzia / Rolex-kontrôle fan jongerein dy’t derút sjogge as kinne se har merkklean net betelje. “We gaan ze uitkleden op straat.”Gerda Frankenhuis, ‘Politie pakt dure jas en horloge af’, De Telegraaf, 3 jannewaris 2018, www.telegraaf.nl/nieuws/1495189/politie-pakt-dure-jas-en-horloge-af, krigen 4 april 2019. De stoarm fan krityk dêrop komt troch de Ombudsman want „De gemeentelijke Ombudsman gáát niet over de politie”, seit de plysjesjef, “een instituut waarvan je mag verwachten dat het zuiver in de leer is dat eigenlijk voor zijn beurt gaat spreken.”Eppo König, ‘Politiechef: ophef Rolex-controle lag aan Ombudsman’, NRC, 18 jannewaris 2018, www.nrc.nl/nieuws/2018/01/18/korpschef-ophef-rolex-controle-lag-aan-ombudsman-a1588949, krigen 4 april 2019.

“I’ve done some reading on this – there’s not really a proper plan for this yet. If they don’t come up with some proper guidelines, they’ll end up racially profiling people. I read that they’ll only check people who are already in their system, but I think that’ll be very hard to actually pull off.”Victor van Drielen, ‘Rotterdam police will stop and question people for wearing designer clothing’, Vice, 18 jannewaris 2018, www.vice.com/en_uk/article/zmqyp4/rotterdam-police-will-stop-and-question-people-for-wearing-designer-clothing, krigen 4 april 2019.

“Rotterdam is a national leader in policing its inhabitants. … Since 2001 efforts have steadily increased. … [Afrikaanderwijk] became one of the socalled neighourhood security Areas, where special security measures are allowed, such as preventive body searching (stop and search).”‘Radicalizing the Local LR’, Stichting Freehouse, g.d., www.freehouse.nl/files/blg/i_055/Radicalizing_the_Local_LR.pdf, krigen 4 april 2019.

Lit Crone no krekt leare wolle fan de Rotterdamske oanpak. “Het is vooral de bedoeling om van Rotterdam te leren”, seit de Ljouwerter feiligensadviseur oer de nije feiligensaginda. “Rotterdam heeft veel meer ervaring met Antillianen.”Barbara de Jong en Stef Altena, ‘Leeuwarden wil geen Antillianen meer uit Rotterdam’, AD, 20 desimber 2018, www.ad.nl/rotterdam/leeuwarden-wil-geen-antillianen-meer-uit-rotterdam~aebf7ede/, krigen 4 desimber 2019; sjoch ek “We plannen een werkbezoek aan Rotterdam en Almere om te leren van hun aanpak en om te komen tot samenwerkingsafspraken om het afreizen naar Leeuwarden te voorkomen.” ‘Veiligheidsagenda 2019 - 2023 en geïntegreerd uitvoeringsprogramma 2019 - 2020’, Gemeente Leeuwarden, g.d., 20, www.leeuwarden.nl/nl/file/35382/download, 6 april 2019.

“Wêrom no?” Al yn april 2015 makket de VVD boargemaster Crone attint op ’e kontrôle fan patserauto’s yn Rotterdam en dy wol dat ek yn Ljouwert, mar kin it net betelje. De saneamde ‘dynamyske ferkearskontrôle’ is tige diskriminearjend op (swart) uterlik. Dat de rjochter it bestraft is, nettsjinsteande it kleare ferbod op diskriminaasje, oan hjoed ta “een waxinelichtje in de duisternis.”Paul Vugts, ‘Rechter fluit discriminatie bij dynamische controle terug’, Het Parool, 8 febrewaris 2017, www.parool.nl/amsterdam/rechter-fluit-discriminatie-bij-dynamische-controle-terug~a4459700/, krigen 4 april 2019.

Nederlân docht al jierren te min oan it bestriden fan rassisme, seit it Feriene Naasjerapport yn 2015. De frijheid fan ekspresje is grut en it ynstitúsjonele rassisme omfiemjend. Crone: “Het is vanzelf­sprekend dat deze problemen ook in (alle) andere bevolkings­groepen spelen, maar we zien steeds dat ze bij Antilliaanse Nederlanders vaker voorkomen. Daarom geloven we ook in een aanpak die specifiek op de Antilliaanse gemeenschap is gericht.”‘Mail NTR over voorstel Etnisch Gerelateerde Criminaliteit met reactie burgemeester [Antwurd Ferd Crone op fragen fan Natasja Gibbs, NTR]’, Gemeente Leeuwarden, 25 febrewaris 2019, 2, (te finen op de side) ris2.ibabs.eu/Agenda/Details/Leeuwarden/1505fb6a-8788-466d-b38f-3a06386f2c84, krigen 4 april 2019. Dus net op de oare mienskippen.

Crone anderet amper op de fragen dy’t Natasja Gibbs fan de Antilliaanske mienskip stelt. Gibbs wiist op de withoefolle dizichheden yn de feiligensaginda. Wat bedoele se? “It ôfreizgjen” tefoaren komme en “it fêstigingsklimaat ûnoantrekliker meitsje”, mar: fan wa? Eksakte betingsten dêr’t de doelminsken oan foldwaan moatte, stean der net. Wat krekt heakket it oan it belied ta dat se de etnisiteit spesifyk neame? Binne der yn Ljouwert drugsdelinkwinten fan oare as Antilliaanske komôf? Wêryn ferskilt de misdie tusken ferskillende etnisiteiten, as jo komôf bûten beskôging litte? Wat is it ferbân tusken it neamen fan Antillianen en de (weifallen) ‘doelgroepsubsidies’ fan it ryk? Wat is de reden foar it sekeur oantsjutten fan “Antilliaansk” wylst oare karakteristiken, lykas ‘famyljebining’, dizich bliuwe? Hoe krekt wol de gemeente stranger sjen nei easken as famyljebining en ekonomyske bining? Sjocht de gemeente ek nei dy easken by minsken sûnder migraasje-eftergrûn? [want ûnderskied is ferbean, mar ja.] Ek is ‘etnysk relatearre’ nearne definiearre, skriuwt Gibbs: binne de misdie­karakteristiken fan de Ljouwerter dieders karakteristiken dy’t inkeld en allinne Antillianen besitte?

In objektive yndividuele grûn fan etnisiteit, lykas felkleur dat op it dna leit, bestiet net: etnysk ûnderskied is nei kultuer, kultuer wipt fan de iene persoan op de oare oer.Ashley Montague, Man’s most dangerous myth: The fallacy of race (New York 1942).

Crone: “Het is zo dat alle gemeenten in Nederland naar de herkomst en achtergrond van personen kijken bij de vraag of iedereen zich er zomaar kan vestigen.”‘Mail NTR over voorstel Etnisch Gerelateerde Criminaliteit met reactie burgemeester [Antwurd Ferd Crone op fragen fan Natasja Gibbs, NTR]’, Gemeente Leeuwarden, 25 febrewaris 2019, 2, (te finen op de side) ris2.ibabs.eu/Agenda/Details/Leeuwarden/1505fb6a-8788-466d-b38f-3a06386f2c84, krigen 4 april 2019.

Unsin. Rotterdam freget by ynskriuwen út in oare gemeente wei: bewiis fan eigendom fan de went, of hierkontrakt, keamerhier­kontrakt, ferklearring fan ynwenjen yn wenploech, of identiteitsbewizen.

Gibbs: “Is al iets te zeggen over concrete ideeën hoe “het onaantrekkelijker maken van het vestigingsklimaat” kan worden uitgevoerd?”‘Mail NTR over voorstel Etnisch Gerelateerde Criminaliteit met reactie burgemeester [Antwurd Ferd Crone op fragen fan Natasja Gibbs, NTR]’, Gemeente Leeuwarden, 25 febrewaris 2019, 4, (te finen op de side) ris2.ibabs.eu/Agenda/Details/Leeuwarden/1505fb6a-8788-466d-b38f-3a06386f2c84, krigen 4 april 2019.

Tsja. Rjochtlike stappen binne al set, minskerjochteabbekaat Tom van Messel is hurd mei Crone syn ynstitúsjonele wearze tsjin Antillianen dwaande. Mar it geweld skûlet yn de ûnbestrafte rassistyske spierballeretoaryk fan de feiligensaginda sels: yn ’e symboalpolityk, mar net yn de gefolgen fan it diskriminearjende doarbelied. Want hoe wol Ljouwert dat ha? In brede slotgrêft om de gemeente grave en gau de brêge oplûke? Psst, seit Crone tsjin Bruijnincx, Antillianen kinne ommers net swimme, haha?

Noaten

  1. Artwell Cain en Deniece Wijdenbosch, ‘Uitsluitingsmechanismes van mensen van Afrikaanse afkomst in Nederland: Wat is erover bekend? Een quick scan van de literatuur’, Vrije Universiteit Amsterdam, 1 septimber 2017, 11, 46, www.rijksoverheid.nl/binaries/rijksoverheid/documenten/publicaties/2017/09/21/rapport-uitsluitingsmechanismes/Rapport+Uitsluitingsmechanismes+VU+sept.+2017.pdf, krigen 4 april 2019.
  2. Gert Oostindie en Inge Klinkers, Gedeeld Koninkrijk. De ontmanteling van de Nederlandse Antillen en de vernieuwing van de trans-Atlantische relatie (Amsterdam 2012), 80-81, pure.knaw.nl/portal/files/480430/Oostindie_&_Klinkers,_Gedeeld_Koninkrijk_2012.pdf, krigen 4 april 2019. ‘40 jaar Haagse strijd tegen immigratie uit de Cariben’, Koninklijksrelaties.nu, 11 januari 2019, koninkrijksrelaties.nu/2019/01/11/40-jaar-haagse-strijd-tegen-immigratie-uit-de-cariben/, krigen 3 april 2019.
  3. ‘Spreektekst Thierry Baudet, verkiezingsavond 20 maart 2019’, ANP, Trouw, 21 maart 2019, www.trouw.nl/democratie/spreektekst-thierry-baudet-verkiezingsavond-20-maart-2019~ae2a1539/, krigen 28 maart 2019.
  4. John Samson, ‘PVV hoopt alsnog op steun voor plan om ‘criminele Antillianen’ uit te zetten’, Caribisch Netwerk, 30 jannewaris 2019, caribischnetwerk.ntr.nl/2019/01/30/pvv-hoopt-alsnog-op-steun-voor-plan-om-criminele-antillianen-uit-te-zetten/, krigen 4 april 2019; ‘Veiligheidsagenda 2019 - 2023 en geïntegreerd uitvoeringsprogramma 2019 - 2020’, Gemeente Leeuwarden, g.d., 19, www.leeuwarden.nl/nl/file/35382/download, 6 april 2019.
  5. ‘Leeuwarden pakt overlast door Antilliaanse dealers aan’, Omrop Fryslân, 13 maaie 2015, www.omropfryslan.nl/nieuws/415623-leeuwarden-pakt-overlast-door-antilliaanse-dealers-aan, krigen 4 april 2019; Gemeente: meer aandacht voor drugsproblemen Antilliaanse gemeenschap’, Leo Middelsé, 13 maaie 2015, leomiddelse.nl/gemeente-meer-aandacht-voor-drugsproblemen-antilliaanse-gemeenschap/, krigen 4 april 2019.
  6. ‘Plan van Aanpak groepsgerelateerde drugshandel Antillianen’, Gemeente Leeuwarden, 2015, 12, leeuwarden.notubiz.nl/document/2206606/1, krigen 4 april 2019.
  7. ‘Geld voor strijd tegen problemen Antillianen’, Leeuwarder Courant, 23 juny 2015, 24.
  8. ‘Toelichting besluiten veiligheidsrisicogebied in relatie tot preventief fouilleren en messenverbod’, maart 2014, Overheid, g.d. (2014), decentrale.regelgeving.overheid.nl/cvdr/images/Leeuwarden/i236789.pdf, krigen 4 april 2019.
  9. ‘Veiligheidsprestatie index Leeuwarden 2015: 12e editie van de Leeuwarder wijkveiligheidsindex’, Gemeente Leeuwarden, 4 april 2016, 10 www.leeuwarden.nl/nl/file/828/download, krigen 4 april 2019.
  10. ‘Begroting 2016 gemeente Leeuwarden: Programma Veiligheid’, Gemeente Leeuwarden, g.d. [septimber 2015], 1, financieel.leeuwarden.nl/begroting/2016-2019/wp-content/uploads/2015/09/Programma-Veiligheid.pdf, krigen 4 april 2019.
  11. André Horjus, ‘Leeuwarder (28) trekt revolver, kogel komt in dubbele ramen Achmeatoren terecht: ‘Ik kon niet anders’ ’, Leeuwarder Courant, 16 maart 2019, www.lc.nl/friesland/Leeuwarder-28-trekt-revolver-kogel-komt-in-dubbele-ramen-Achmeatoren-terecht-Ik-kon-niet-anders-24271704.html, krigen 4 april 2019.
  12. ‘Plan van Aanpak groepsgerelateerde drugshandel Antillianen’, Gemeente Leeuwarden, g.d. [2015], 3, leeuwarden.notubiz.nl/document/2206606/1, krigen 4 april 2019.
  13. J. de Boom, P. van Wensveen, P. Hermus, A. Weltevrede, en M. van San, Antilliaanse Nederlanders 2013: De positie op de terreinen van onderwijs, arbeid en uitkering en criminaliteit (meting 4) (Rotterdam: Risbo, Erasmus Universiteit, 2014) 36, 60, zoek.officielebekendmakingen.nl/blg-335829.pdf, krigen 4 april 2019.
  14. Claudia van der Put, Geert-Jan Stams, Maja Deković, Machteld Hoeve, Peter van der Laan, ‘Ethnic differences in offense patterns and the prevalence and impact of risk factors for recidivism’, International Criminal Justice Review, 31 maart 2013, doi.org/10.1177/1057567713482940.
  15. Julian V. Roberts, Loretta J. Stalans, David Indermaur en Mike Hough, Penal populism and public opinion: Lessons from five countries (Oxford / New York 2003) 5.
  16. ‘Leeuwarden volgt criminele Antillianen hinderlijk’, de Volkskrant, 13 augustus 2008, www.volkskrant.nl/nieuws-achtergrond/leeuwarden-volgt-criminele-antillianen-hinderlijk~b517218e/, krigen 4 april 2019.
  17. ‘Veiligheidsagenda 2019 - 2023 en geïntegreerd uitvoeringsprogramma 2019 - 2020’, Gemeente Leeuwarden, g.d., 19-20, 37, www.leeuwarden.nl/nl/file/35382/download, 6 april 2019.
  18. Karin de Mik, ‘Antillianen in Leeuwarden moeten meer doen dan chillen’, Trouw, 11 febrewaris 2019, www.trouw.nl/samenleving/antillianen-in-leeuwarden-moeten-meer-doen-dan-chillen~acd92757/, krigen 4 april 2019.
  19. Natasja Gibbs, ‘Gemeente Leeuwarden schrapt omstreden paragraaf over kansloze Antillianen: ‘eerst zien dan geloven’ ’, Caribisch Netwerk/NTR, 26 maart 2019, caribischnetwerk.ntr.nl/2019/03/26/gemeente-leeuwarden-schrapt-omstreden-paragraaf-over-kansloze-antillianen-eerst-zien-dan-geloven/, krigen 4 april 2019.
  20. Alex R. Piquero en Robert W. Brame, Assessing the race–crime and ethnicity–crime relationship in a sample of serious adolescent delinquents, Crime & Delinqency 54:3 (2008) 390–422, doi.org/10.1177/0011128707307219.
  21. Jan-Peter Soenveld en Geert Veldstra, ‘Crone: Antillianen vragen zelf om aanpak’, Friesch Dagblad, 6 maart 2019, frieschdagblad.nl/2019/3/6/crone-antillianen-vragen-zelf-om-aanpak, krigen 4 april 2019.
  22. Kwame McKenzie, ‘Rethinking the definition of institutional racism’, Wellesley Institute, [Toronto] juny 2017, www.wellesleyinstitute.com/wp-content/uploads/2017/05/Rethinking-the-Definition-of-Institutional-Racism.pdf, krigen 4 april 2019; sjoch ek Stokely Carmichael en Charles V. Hamilton, Black power: The politics of liberation in America (New York 1992), 4 [pdf: 20] mygaryislike.files.wordpress.com/2016/12/black-power-kwame-ture-and-charles-hamilton.pdf, krigen 4 april 2019.
  23. Rujuta Borkar, ‘The issue of institutional discrimination with a few examples’, OpinionFront, 21 desimber 2017, opinionfront.com/examples-of-institutional-discrimination. krigen 4 april 2019.
  24. Cedar Grove Institute for Sustainable Communities, ‘Institutionalized discriminaton: Fighting institutionalized discrimination and exclusion of minorities’, Wayback Machine, 4 july 2008, web.archive.org/web/20080704203828/http://home.mindspring.com/~mcmoss/cedargrove/id11.html, krigen 4 april 2019.
  25. Sjoch bygelyks Josh Park, ‘The myth of institutional racism’, Merion West, 19 augustus 2017, merionwest.com/2017/08/19/the-myth-of-institutional-racism/, krigen 4 april 2019.
  26. Andrew Pilkington, ‘Tackling institutional racism in universities effectively’, University World News, 2 juny 2017, www.universityworldnews.com/post.php?story=20170530075921818, krigen 4 april 2019.
  27. Spencer Sunshine, ‘The future of the U.S. “Populist Radical Right” and White Nationalism: Looking at Cas Mudde’s The Far Right in America’, Political Research, 27 maart 2018, www.politicalresearch.org/tag/white-nationalism/, krigen 3 april 2019.
  28. Het Nederlands Juristen Comité voor de Mensenrechten, ‘Nederland moet meer doen tegen racisme’, NJCM, 31 augustus 2015, njcm.nl/actueel/nederland-moet-meer-doen-tegen-racisme/, krigen 4 april 2019; Aldina Mesic, Lydia Franklin, Alev Cansever, Fiona Potter, Anika Sharma, Anita Knopov, en Michael Siegel, ‘The relationship between structural racism and black-white disparities in fatal police shootings at the state level’, Journal of the National Medical Association 110:2 (2018) 106-116, doi.org/10.1016/j.jnma.2017.12.002.
  29. Maaike van Houten, ‘Racisme in Nederland? Kom nou!’, Trouw, 2 july 2014, www.trouw.nl/home/racisme-in-nederland-kom-nou-~aaa3d3a7/, krigen 4 april 2019.
  30. Greta Riemersma, ‘ ‘Die ideeën zitten in je hoofd en niet in je kleren’ ’, de Volkskrant, 2 septimber 2004, www.volkskrant.nl/nieuws-achtergrond/die-ideeen-zitten-in-je-hoofd-en-niet-in-je-kleren~b96a300c/, krigen 3 april 2019.
  31. Discriminatie Meldpunt Groningen, Tûmba, Meldpunt Discriminatie Drenthe, ‘Monitor discriminatie 2015’, Tûmba, maart 2016, 4, 6-7, www.tumba.nl/bestand/270/, krigen 3 april 2019.
  32. Joanne P. van der Leun en Maartje A.H. van der Woude, ‘Ethnic profiling in the Netherlands? A reflection on expanding preventivepowers, ethnic profiling and a changing social and political context’, Policing & Society 21:4 (2011) 444-455, 444, 445, respubca.home.xs4all.nl/pdf/EthnicprofilingintheNetherlands.pdf, krigen 4 april 2019. Sjoch ek Quirine Eijkman, ‘Has the genie been let out of the bottle? Ethnic profiling in the Netherlands’, Public Space 5:2 (2010) 1-21, www.burojansen.nl/pdf/hastheGenieBeenLetOutoftheBottle.pdf, krigen 4 april 2019.
  33. Bernard E. Harcourt, Against prediction: Profiling, policing, and punishing in an acturial age (Chicago: University of Chicago Press, 2007); Bernard E. Harcourt, ‘Against prediction: Profiling, policing, and punishing in an acturial age’, University of Chicago Public Law & Legal Theory, Working Paper No. 94, University of Chicago, 2005, chicagounbound.uchicago.edu/cgi/viewcontent.cgi?article=1021&context=public_law_and_legal_theory, krigen 4 april 2019.
  34. Open Society Justice Initiative, ‘Ethnic profiling in the European Union: Pervasive, ineffective, and discriminatory’, Open Society Institute, maaie 2009, 11, www.opensocietyfoundations.org/sites/default/files/profiling_20090526.pdf, krigen 4 april 2019.
  35. ‘Proactief politieoptreden vormt risico voor mensenrechten’, Amnesty International, oktober 2013, 3, www.amnesty.nl/content/uploads/2016/11/rapport_etnisch_profileren_ainl_28_okt_2013.pdf, krigen 4 april 2019; sjoch ek Lieke Hettinga, Cor van der Leemputten en Deloris Wilson, ‘The Silence of injustice: Mapping ethnic profiling in stop-and-search practices in the Netherlands’, Humanity in Action, 2013, www.humanityinaction.org/knowledgebase/541-the-silence-of-injustice-mapping-ethnic-profiling-in-stop-and-search-practices-in-the-netherlands, krigen 4 april 2019.
  36. Open Society Justice Initiative, ‘Ethnic profiling in the European Union: Pervasive, ineffective, and discriminatory’, Open Society Institute, maaie 2009, 10, www.opensocietyfoundations.org/sites/default/files/profiling_20090526.pdf, krigen 4 april 2019.
  37. Joris Hanse, ‘Grou: demonstratie tegen Swarte Pyt en racistisch profileren van journalisten (beeldverslag)’, [Antyrassismehiemhûn] Doorbraak, 9 febrewaris 2019, www.doorbraak.eu/grou-demonstratie-tegen-swarte-pyt-en-racistisch-profileren-van-journalisten-beeldverslag/, krigen 4 april 2019.
  38. Arodi Buitenwerf & Erwin Boers, ‘Terugkijken: Rustige intocht Sint Piter, één klein incidentje’, Leeuwarder Courant, 9/13 febrewaris 2019, www.lc.nl/friesland/Terugkijken-Rustige-intocht-Sint-Piter-%C3%A9%C3%A9n-klein-incidentje-24165008.html, krigen 3 april 2019.
  39. Kevin P. Roberson, ‘[Raw Footage] Journalist Kevin P. Roberson vraagt Hillebrand Tanja waarom hij weg wordt gestuurd’, Youtube, 10 febrewaris 2019, 1:15, www.youtube.com/watch?v=xSZNBUK4uXY, krigen 4 april 2019; sjoch ek Kevin P. Roberson, ‘[Raw Footage] Journalist Kevin P. Roberson interviewt twee mensen in Grou’, Youtube, 10 febrewaris 2019, www.youtube.com/watch?v=3_mlVwvKgQ8, krigen 4 april 2019.
  40. Gerda Frankenhuis, ‘Politie pakt dure jas en horloge af’, De Telegraaf, 3 jannewaris 2018, www.telegraaf.nl/nieuws/1495189/politie-pakt-dure-jas-en-horloge-af, krigen 4 april 2019.
  41. Eppo König, ‘Politiechef: ophef Rolex-controle lag aan Ombudsman’, NRC, 18 jannewaris 2018, www.nrc.nl/nieuws/2018/01/18/korpschef-ophef-rolex-controle-lag-aan-ombudsman-a1588949, krigen 4 april 2019.
  42. Victor van Drielen, ‘Rotterdam police will stop and question people for wearing designer clothing’, Vice, 18 jannewaris 2018, www.vice.com/en_uk/article/zmqyp4/rotterdam-police-will-stop-and-question-people-for-wearing-designer-clothing, krigen 4 april 2019.
  43. ‘Radicalizing the Local LR’, Stichting Freehouse, g.d., www.freehouse.nl/files/blg/i_055/Radicalizing_the_Local_LR.pdf, krigen 4 april 2019.
  44. Barbara de Jong en Stef Altena, ‘Leeuwarden wil geen Antillianen meer uit Rotterdam’, AD, 20 desimber 2018, www.ad.nl/rotterdam/leeuwarden-wil-geen-antillianen-meer-uit-rotterdam~aebf7ede/, krigen 4 desimber 2019; sjoch ek “We plannen een werkbezoek aan Rotterdam en Almere om te leren van hun aanpak en om te komen tot samenwerkingsafspraken om het afreizen naar Leeuwarden te voorkomen.” ‘Veiligheidsagenda 2019 - 2023 en geïntegreerd uitvoeringsprogramma 2019 - 2020’, Gemeente Leeuwarden, g.d., 20, www.leeuwarden.nl/nl/file/35382/download, 6 april 2019.
  45. Paul Vugts, ‘Rechter fluit discriminatie bij dynamische controle terug’, Het Parool, 8 febrewaris 2017, www.parool.nl/amsterdam/rechter-fluit-discriminatie-bij-dynamische-controle-terug~a4459700/, krigen 4 april 2019.
  46. ‘Mail NTR over voorstel Etnisch Gerelateerde Criminaliteit met reactie burgemeester [Antwurd Ferd Crone op fragen fan Natasja Gibbs, NTR]’, Gemeente Leeuwarden, 25 febrewaris 2019, 2, (te finen op de side) ris2.ibabs.eu/Agenda/Details/Leeuwarden/1505fb6a-8788-466d-b38f-3a06386f2c84, krigen 4 april 2019.
  47. Ashley Montague, Man’s most dangerous myth: The fallacy of race (New York 1942).
  48. ‘Mail NTR over voorstel Etnisch Gerelateerde Criminaliteit met reactie burgemeester [Antwurd Ferd Crone op fragen fan Natasja Gibbs, NTR]’, Gemeente Leeuwarden, 25 febrewaris 2019, 2, (te finen op de side) ris2.ibabs.eu/Agenda/Details/Leeuwarden/1505fb6a-8788-466d-b38f-3a06386f2c84, krigen 4 april 2019.
  49. ‘Mail NTR over voorstel Etnisch Gerelateerde Criminaliteit met reactie burgemeester [Antwurd Ferd Crone op fragen fan Natasja Gibbs, NTR]’, Gemeente Leeuwarden, 25 febrewaris 2019, 4, (te finen op de side) ris2.ibabs.eu/Agenda/Details/Leeuwarden/1505fb6a-8788-466d-b38f-3a06386f2c84, krigen 4 april 2019.

Nederlands

Fers2 nû. 5.6, 24 maart 2019

Haatpraat

Cyber racism yn de Fryske Facebook-skiften

image Fers2

Dy freedtemoarn doch ik myn fyts op slot foar de moskee, myn dochter wennet derneist, en der is neat oars as oars. De bewaking dy’t de boargemaster op dat stuit yn in oare moskee opnij taseit, “We zijn ermee bezig”, koe noch net op gong komme, sa fluch nei it beslút derta yn jannewaris.Noor de Kort, ‘Op sokken loopt Femke Halsema tussen de geknielde mannen’, NRC, 15 maart 2019 <https://www.nrc.nl/nieuws/2019/03/15/op-sokken-loopt-femke-halsema-tussen-de-geknielde-mannen-a3953449> [krigen 16 maart 2019]. It tal feiligensynsidinten by moskeeën nimt ta. De dieders lykje benammen út de rjochtsekstre­mistyske hoeke te kommen.Deborah Jongejan, ‘Toename aantal incidenten bij moskeeën’, AD, 3 febrewaris 2017 <https://www.ad.nl/binnenland/toename-aantal-incidenten-bij-moskeeen~a5cbee43/> [krigen 16 maart 2019]. Neffens de Nasjonaal Koördinator Terrorismebestriding en Feiligheid Dirk Schoof wiene der yn it jier 2016 tsientallen insidinten by islamityske gebedshuzen. De Monitor Moslim Discriminatie 2017 lit sjen dat yn it tiidrek 2005 oant en mei 2014 176 fan de meiinoar 500 moskeeën yn Nederlân troffen binne troch agresje en geweld. Begjin dizze moanne setten Pegida-oanhingers foar de Haachske As Soennah-moskee in etalaazjepop del dy’t de profeet Mohammed foarstelle moast, mei in spandoek: “Profeet Mohammed kinderneuker.” De oarsaak fan sokke agresje is net hielendal dúdlik, mar ynwijden wize op ’e oanwêzigens fan ekstreemrjochts en anty-islamploegen en op de ferhurding fan de mentaliteit en de sosjale ynteraksjes, mar ek op de rol fan de nije likegoed as de âlde media, dy’t kwestjes mooglik oerdriuwe.Ineke van der Valk, ‘Incidenten bij moskeeën: risico en bescherming’, dielûndersyk fan it projekt Monitor Islamofobie, Universiteit van Amsterdam, april 2016, 49 <http://imes.uva.nl/binaries/content/assets/subsites/institute-for-migration--ethnic-studies/publications/moskeeincidentenrisicobescherming.pdf> [krigen 16 maart 2019].

Mar benammen Facebook, tochten wy. Foardiel is dat jo dêr elkenien berikke en net inkeld de eigen parochy en dat it in moderearre platfoarm is, sadat it publyk net better wit of it boadskip en de toan fan de posts kinne net ferbean, ymmoreel of not-safe-for-work wêze; dan hie de moderator har ommers wol weihelle. Dêrom hiene se it Hongaarske Soros-Junckerposter ek ferspraat op de offisjele Facebookmuorre fan de Hongaarske oerheid:Magyarország Kormánya [Regear fan Hongarije], ‘Önnek is joga van tudni, mire készül Brüsszel!’ [Jo hawwe ek it rjocht om te witten wêr’t Brussel op oanstjoert!], Facebook, 18 febrewaris 2019 <https://www.facebook.com/kormanyzat/photos/a.134933189912743/2510209519051753/?type=3&theater> [krigen 16 maart 2019]. om dy syn ekstreemrjochts rassisme út te suteljen as part fan in ‘ynformaasjekampanje’, mei in affysje dat it publyk ynljochtet oer de Brusselske ymmigraasjeplannen dy’t, seit de kampanje, “de feiligens fan Hongarije fûneminteel yn gefaar bringe.” Tsjin de tiid dat de Europeeske Kommisje Orbán syn regear beskuldiget fan in “shocking” en “ludicrous conspiracy theory” is de skea al dien en hat elkenien de poster ferspraat oer it ynternet.Jennifer Rankin, ‘Brussels accuses Orbán of peddling conspiracy theory with Juncker poster’, The Guardian, 19 febrewaris 2019 <https://www.theguardian.com/world/2019/feb/19/brussels-orban-jean-claude-juncker-poster-george-soros-hungary> [krigen 16 maart 2019].

Ek de sjitter fan Nij-Seelân syn streams binne útstjoerd op it ynternet en dêrûnder, koart,Ien ferzje fan de fideo teminsten seis oeren. Alex Hern en Jim Waterson, ‘Social media firms fight to delete Christchurch shooting footage’, The Guardian, 15 maart 2019 <https://www.theguardian.com/world/2019/mar/15/video-of-christchurch-attack-runs-on-social-media-and-news-sites> [krigen 16 maart 2019]. op Facebook. No kin de Nij-Seelânske premier Ardern der wol op oanstean om Brenton Tarrant syn 17-minuten fideo fan de moard op 50 minsken en syn manifest fan 74 siden, dat Tarrant ek nei de premier sels stjoerd hat, net fierder te fersprieden, mar sa wurket it net. As jo fersykje moatte om eat leaver net te dwaan dat sowieso yn de measte lannen op ’e wrâld strafber is en dêr’t flinke straffen op stean, te witten oansetten ta geweld en fersprieden fan terroristysk materiaal,Sjoch ‘Sharing of Christchurch shooting video likely to be against the law’, Te Tari Taiwhenua | Internal Affairs NZ, 15 maart 2019 <https://www.dia.govt.nz/Sharing-of-Christchurch-shooting-video-likely-to-be-against-the-law> [krigen 16 maart 2019]; Alex Hern en Jim Waterson, ‘Social media firms fight to delete Christchurch shooting footage’, The Guardian, 15 maart 2019 <https://www.theguardian.com/world/2019/mar/15/video-of-christchurch-attack-runs-on-social-media-and-news-sites> [krigen 16 maart 2019]. dan leit der in obstakel.

Dizze: rjochtsekstremisme ûntstiet net sûnder persoanlik doel. De white supremacist-fisys fan de manifestskriuwer binne net yn in fakuüm groeid, seit gewelddiedich-polityk-ekstremismeûndersiker Debra Smith. Haatsiedzjende uteringen meitsje dat lju har fiele as binne se de “vanguards of a social movement.”Kevin Nguyen, ‘Accused Christchurch mosque shooter Brenton Tarrant used same radicalisation tactics as Islamic State, expert says’, ABC Net News, 17 maart 2019 <https://www.abc.net.au/news/2019-03-17/christchurch-shootings-brenton-tarrant-social-media-strategies/10908692> [krigen 17 maart 2019]. Foar harren heart it manifest just op in mainstream-medium, om ús allegearre de eagen te iepenjen foar it gefaar. Stadige normalisearring fan it diskoers is in wichtich elemint yn de rjochtsekstremistyske ideology seit ek @chrisklomp.

Terreuractie extreem-rechts. Dit soort dingen komt niet zo maar op. Hier gaat een boel aan vooraf. Framing, demonisering, normalisering extreem-rechts #wordsmatterChris Klomp, Twitter, 15 maart 2019 <https://twitter.com/chrisklomp?lang=en> [krigen 16 maart 2019].

Tweet v/d Dag fan BNN-VARA. Sjoernalist Chris Klomp hat yn Nij-Seelân wenne, wat in djipper ynsjoch jaan kin. Hy is in betûfte rjochtbank- en misdieferslachjouwer, no by it AD. Ekstreemrjochts is de lêste jierren agressiver en stookt mear op ta aksje en al is it tal geweldsdelikten yn NL net mear as tsientallen it jier, dêr skriuwt Klomp wol alle dagen oer. Mar, no shit sherlock yn 2018 giene 94 sjoernalisten en mediawurkers dea wylst se oan it wurk wiene en dêrfan 60 om’t har beskerming gjin prioriteit hie en de rest as wraak om har wurk: net elkenien is wiis mei goeie ferslachjouwing.

Chris Klomp! Ik sil dy gjin nommele kollega neame, want sa nommel bist net nei dit ôfgryslike stik oer Jenny. Kollega dan mar.Kerst Huisman, g.t., shared link yn it skift Wysels Frysk Selsbestjoer, Facebook, 8 febrewaris 2019 <https://www.facebook.com/groups/633722426743066/permalink/2025917137523581/> [krigen 16 maart 2019].

Dat seit Kerst Huisman, âldsjoernalist, foarfjochter foar in Frysk Fryslân en Jenny Douwestrûbadoer. Mei in sandwichboerd en striidlieten giet Huisman de dyk en it web op om stipe te freegjen foar Douwes en har sneldykblokkearders en dat is dom mar fierder bêst, want it is frijheid fan mieningsutering. Op 8 febrewaris ‘share’t Huisman it kranteartikel ‘Waarom Jenny Douwes een populistische kletskous is’ fan Klomp nei syn Facebookskift Wysels Frysk Selsbestjoer. Kritysk besjen en ûnderút heljen fan Klomp syn arguminten is net it doel fan Huisman, mar in persoanlike oanfal—foar Klomp oars net sa slim: dy hat al ris syn hiele Twitter-akkount opheft om bedriging. Douwes, sa’t jo witte, sette yn 2017 in pear dagen foar de yntocht fan Sinteklaas yn Dokkum in opstokeljende, neffens de plysje—dy’t oan ’e doar kaam— dus ferbeane oprop om de antypytaktivisten te kearen op Facebook. No klaget se op Twitter oer it resultaat.

Ik kreeg 240 uur taakstraf en 1 maand voorwaardelijke celstraf wegens overtreding van artikel 131; opruiing. Dingen die ik beter had kunnen doen, draadje:

Ik had beter een KOPZ-er KO kunnen slaan; 76 uren taakstraf.

Ik had beter een KOZP-er kunnen ‘verhuren’; 1 dag cel en 150 uur taakstraf.3 tweets @JennyDouwes, Ik kreeg…, Twitter, 5 febrewaris 2019 <https://twitter.com/JennyDouwes/status/1092894726045515776> [krigen 16 maart 2019]; @JennyDouwes, Ik had beter…1, ibidem, har typo; @JennyDouwes, Ik had beter…2, ibidem.

Klomp leit út dat Douwes, sa te sjen oan har twitterjen en eardere kleien yn fraachpetearen oer de strafhichte,Sjoch Han van der Horst, ‘Jenny d’Arc van het noorden begrijpt niet waarom ze extreemrechts wordt genoemd’, BNN-VARA, 21 novimber 2017 <https://joop.bnnvara.nl/opinies/jenny-darc-noorden-extreemrechts> [krigen 16 maart 2019]. mei opsetsin in stikmannich fersinnen oer it Nederlânske rjochtsstelsel de wrâld yn tweet. Us rjochtsstelsel sjocht net nei strafmjitte sec, mar nei yndividuele omstannigens en dêr profitearret Douwes wilens wakker fan, seit Klomp, want de maksimumstraf foar opstokeljen is op papier fiif jier sel. Mar mei har och+wee kin se as slachtoffer en politike underdog de sympaty opwekje—in stream hertsjes ûnder har tweets—en de ûnearlikens fan it rjocht ôfkreakje.

Jenny Douwes plaatste deze week op Twitter blazend van verontwaardiging voorbeelden van mensen die een lagere werkstraf hadden gekregen voor delicten die in haar ogen blijkbaar zwaarder moeten tellen. Haar onbegrip was groot, maar onterecht en schadelijk populistisch. … Laat ik een poging wagen om duidelijk te maken dat het onbegrip in deze kwestie vooral rust op een bewuste keuze om de feiten van een goed functionerende en rechtvaardige rechtspraak niet onder ogen te willen zien.Chris Klomp, ‘Waarom Jenny Douwes een populistische kletskous is’, Reporters Online, 7 februari 2019 <https://reportersonline.nl/waarom-jenny-douwes-een-populistische-kletskous-is/> [krigen 16 maart 2019].

Dêrnei lit er sjen dat de rjochtspraak lang net tsjuster is.

Huisman giet dêr net op yn. Huisman hat ris op fraach­petear by Ischa Meijer west, leit er út. Dat joech “ien fan de safolste bewizen” dat “se yn it sintrum faken gjin besleur hawwe oer de minsken en har foarstellingswrâld yn de perifery.” It oanfallen fan de sprekker, of in oar, of in eigenskip, motyf of wat ek fan in oar—Meijer syn wenplak—tsjinnet om it petearjen oer it punt sels mar út de wei te gean. Neist de ad hominem brûkt Huisman twa redenearflaters dy’t typysk rjochts-populistysk binne. Anekdoatysk bewiis, dat is faak: ik haw it sels sjoen. Argumentum ad populum, it argumint foar it folk giet fan: elkenien wit it dus it moat wol wier wêze.

Mar it is dyn toantsje, dêr’t elk woltinkend minsk fan wearzget. … Nim no allinnich dyn útspraak: ‘Douwes en trawanten’. Sa’n beskriuwing is karaktermoard, mar ik haw dit ek al earder as sadanich beneamd, doe’t in eardere kollega fan my – ek al net sa nommel – op sa’n wize oer Jenny skreau. Dy eardere kollega en do hawwe wat mienskipliks. Do laborearrest oan itselde euvel dat ik al sa faken waarnommen haw.

De minsken út de Fryske Wâlden – en ek ik haw ûnder myn foarâlden in aardich soad fan dy Wâldmannen en -froulju, hienen oer it generaal in wat mear nuansearre kyk op Justysje en de troch dyen útoefene rjochtfeardigens as oer it algemien yn (lyts)boargerlike rûnten wênst wie.

Jenny is yn har hert eins noch altiten ‘it famke fan de heide’. … Dat is mei Friezen dy’t nei de brûzjende Rânestêd ferhúzje en dêr meinommen wurde yn de wieljende feart, wêr’t dy dan ek mar ta liede mei, soms wolris in tikje oars.Kerst Huisman, g.t., shared link yn it skift Wysels Frysk Selsbestjoer, Facebook, 8 febrewaris 2019 <https://www.facebook.com/groups/633722426743066/permalink/2025917137523581/> [krigen 16 maart 2019].

Klomp is inkeld yn Fryslân berne en wenne oeral op ierde wol, dus hy heart net yn ’e bedoelde klasse rânestêdémigrés. Mar wêr’t it om giet is it ‘yn it hert wêzen’ en de Wâldpyk-foarfaars: bloed en boaiem. De trochgeande Fryske-identiteitskultus kin de frjemdlingehaat oanfjurje lykas yn de rest fan Europa en bedriget ek de demokrasy.Friduwih Riemersma, ‘Radikalisearring yn de man cave: de Schurerlêzing’, Fers2 5:1 (2019) <http://fers2.eu/radikalisearring-yn-de-man-cave-de-schurerlezing/"> [krigen 16 maart 2019]; Chloé Ridel, ‘Europe is in the grip of a cult of identity. But we can fight back’, The Guardian, 28 novimber 2019 <https://www.theguardian.com/commentisfree/2018/nov/28/europe-identity-far-right-democratic-freedom> [krigen 16 maart 2019]. Dêrneist kweekje jo nasjonalisme troch it idee fan de ‘gewone man’.Divya Jain, ‘Conservative farmers movements and right-wing populism in contemporary India’, International Institute of Social Studies, novimber 2017, 11 <https://thesis.eur.nl/pub/41753/DJain_MA_2016_17_AFES.pdf> [krigen 16 maart 2019].

Twa dagen letter kopiearret Huisman in oar syn Facebookpost yn syn Facebookskift Fryslân en de Fryske taal.

Dit hoege wy dochs net te nimmen, dat ditsoarte kommando’s (wa hie it ek al wer oer ‘die braunen Batalionen’) yntimidearjend ferskine by in ûnskuldich bernefeest!Kerst Huisman, Dit hoege wy dochs, Facebook, 10 febrewaris, Facebook, (Public group) Fryslân en de Fryske taal <https://www.facebook.com/groups/152985924776502> [krigen 16 maart 2019].

It wiene—Godwin’s law—de nazi’s dy’t it hiene oer “Die Straße frei den braunen Bataillonen”. Sûnt maaie 1945 is it Horst Wessel-Lied mei wurden en meldij en al ferbean yn Dútslân, mar net op Facebook. Der is plaatsje by: it nazi-kommando ferwiist nei de swarte befeiligers fan swarte sjoernalist Kevin P. Roberson. De post is fan befeiliger Menaze Crhymer Holband, dy’t sa goed skriuwt dat er gjin partij is foar Huisman, noch foar de yn Grou berne dichter Wiersma trouwens. Dy syn fers ‘Swarte Pyt yn Grou’ rôle in healjier lyn yn myn inbox doe’t myn soan der krekt yn stapte en dy hat him de bûsen útskuord om it iepenlike rassisme yn it Fryske gea en it fenyn yn de slotrigels.

Hy dûnse op in wize libbensnocht.

Hy hat my it respekt foar swart bybrocht.Syds Wiersma, yn email ‘Swarte Pyt yn Grou’, 8 oktober 2018. By ús yn Grou wie Swarte Pyt in held./ Gjin nammeleaze yn in rige piten/ mar kammeraat en boadskipper besteld/ mei ’t bringen fan in wrâld oan wille en fiten.// Hy reizge troch de febrewariskjeld/ Sint Piter fier foarút, foar ús allinne/ hie hy op ’t iensum paad de stjerren teld/ en liet er rom foar’t feest it feest begjinne.// Al like Frysk as swart en frij ynklús/ ferhelle hy fan wûnders op syn tochten./ Hy brocht it eigene út frjemdten thús/ en toande dat wy oaren wêze mochten.// Hy dûnse op in wize libbensnocht./ Hy hat my it respekt foar swart bybrocht.

Holband fertelt in sublym ferhaal oer hoe’t rassisme net oanberne is, mar sosjaal leard wurdt.

An de overkant van ut water stonde er in een weiland zwarte piet demonztrante (allemaal witte menze by da way) te strijde tege racizme met bordjez met in ut friez “swarte pyt is rasisme” uiteraard iz de menigte waar wij in staan daar nie blij mee.. komt zo een bikerguy met bikerjack & zn vrouw met me prate.. Maar ze sprake kalm.. de vrouw vraagt ben jij ook tege zwarte piet..? ik zeg ik ben tege racisme.. de man legt uit zn motorclub iz voor de kidz ze bezcherme kindere duz ook zwarte kindere hij zegt hij heeft liefde voor alle kindere.. ik zeg ok.. zwarte kindere worde uitgemaakt voor zwarte piet.. hij zegt daar ben ik ook tege & daar zal ik ook tege strijde.. duz we kome langzamerhand op 1 lijn..

Opeenz uit ut nix rent een jongetje de zoon & stiefzoon van bazicly pro pieterz op me af & geeft me zo een stevige knuffel.. ik kijk naar benede ik zie een lil blond kid? toen viel er ff een stilte.. we ware allemaal gezhockt & tegelijk gecharmeerd van wat hier gebeurde.. politie die onz tegehield dat we de plein nie opmochte zonder rede stonde preciez ernaazt zien ut gebeure.. lil man houd me zeker 2 minute vazt.. ik zeg kijk hier.. dit iz pure onzchuld.. de man ook meteen ja zit geen kwaad in.. zo sprake we verder & de boy pakte mn hand vazt & liet niet loz..

die lil white kid zit in mn hart❤

De burgemeezter van grou noemt onz nepjournalizte in de media & zegt dat we hinderlijk onze standpunt opdronge???? … We zijn security van de black community.. we zijn er niet om geweld te gebruike maar om geweld te deezcalere..Menaze Crhymer Holband, Ik waz gizter, Facebook, 10 febrewaris 2019 <https://www.facebook.com/photo.php?fbid=120949805641763&set=a.102976990772378&type=3&theater&ifg=1> [krigen 16 maart 2019].

It liket derop dat boargemaster Ferd Crone dat echt sei, hat net in soad op mei frije parse en moat net by ûngelok yn de earste keamer bedarje. Roberson krige deadsbedrigingen nei de blokkade, mar hat likegoed in posityf byld fan de Friezen, dêr’t er dochs wer mei prate moast foar syn wurk, seit er. It ding is, dy aardige interviewee yn Jelsum sjocht him, wylst jo online net witte mei wa’t jo te krijen hawwe en faak “komen mensen ook in groepjes achter je aan online.” Yndie makket group think it werklikens-hifkjen oerstallich, en dêrby wet + moraal; dat is just it handige derfan. Mar Roberson wiist lykas Klomp op eat dat hieltyd wer út it each rekket: de rol fan it elitediskoers yn de reproduksje fan ynstitúsjoneel rassisme en dus yn ’e normalisearring fan rassisme. De maatskiplike elite beskaat fierhinne de politike debatten, teefee, skoalboeken, wittenskip en oft de Antillianen al of net útnoege wurde op de konferinsje dy’t just oer har giet. In Facebook-skift hat dus net perfoarst radikale eleminten nedich, sa’t se faak tinke, om te feroarjen yn ekstreemrjochts. Dy bedijt al by in yntolerante boargemaster dy’t neat docht as der yn 2014 in Ljouwerter man net yn Club Red mei foar it âld/nijfeest, om’t se ‘dy jûn gjin Antillianen talitte’. “People like Ferd Crone feed the racism you see online.”Kevin P. Roberson, út persoanlik petear, 23 maart 2019.

In reaksje op Huisman syn post giet dat se “yn elts gefal” it Nederlânsk net machtich binne: “Wat in oergryslike unferstânnen. Jouw my Black Adder mar.”Björn Schellingen, comment by Kerst Huisman, Dit hoege wy dochs, Facebook, 10 febrewaris, Facebook, (Public group) Fryslân en de Fryske taal <https://www.facebook.com/groups/152985924776502> [krigen 16 maart 2019]. Ynienen is net it Frysk, dat de kommentator sels dúdlik net behearsket, de mjitstêf op Fryslân en de Fryske taal, mar de fijântaal, it Nederlânsk. Opportunisme is ien fan de fiif types fan oertrêders, docht bliken út ûndersyk nei ‘Facebook’s walls of hate’, neist mislieders, fantasten, produsinten en fersprieders fan haatpraat. Haatpraat is alle taal om immen negatyf mei ôf te byldzjen oangeande syn ras, etnisiteit, gender, religy, seksuele aard of fysike en mentale beheining, dy’t haat fuortsterket en geweld opropt.Imran Awan, ‘Islamophobia on social media: A qualitative analysis of the Facebook’s walls of hate’, International Journal of Cyber Criminology 10:1 (2016) 1-20, 13, 2 <https://doi.org/10.5281/zenodo.58517>.

Kêst 1 fan de Grûnwet ferbiedt net pas haatpraat mar alle diskriminaasje. As in hjerstich spinreach leit Kêst 1 oer ús wetten en regels hinne. Sa stiet yn it Wetboek fan Strafrjocht dat jo gjin uteringen dwaan meie dy’t diskriminearjend binne of oansette ta haat of diskriminaasje en dat jo boppedat net meidwaan meie oan aktiviteiten dy’t rjochte binne op diskriminaasje. Dat jildt net allinne op ’e grûn mar ek online. Dêrom hawwe in soad websiden, weblogs en sosjale media in skerp moderaasjebelied en is der is in lanlik meldpunt, MiND, foar ynternetdiskriminaasje. Mar likegoed wurde (just) op it ynternet groepen—want diskriminaasje giet net oer inkelingen—diskriminearre.Art.1, ‘Discriminatiecijfers in 2017’, rapport yn opdracht fan de polysje, it ministearje van Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes en de Landelijke Vereniging tegen Discriminatie, Art. 1, april 2018, 42-43 <https://discriminatie.nl/files/2018-04/discriminatiecijfers-in-2017.pdf> [krigen 16 maart 2019].

Op 12 febrewaris set Atte Houtsma in link nei in Trouw-artikel yn Fryslân en de Fryske taal, mei ynlieding.

is dit bekint, wol erge passive groep, hjir yn it westen ek.

VEILIGHEIDSNOTA - Leeuwarden wil ‘kansloze Antillianen’ ontmoedigen om naar de Friese hoofdstad te komen. Ze zouden te veel overlast geven. ‘Een buurthuis zou al helpen’, zeggen Antillianen zelf.Atte Houtsma, ‘dit is bekint…’, Facebook, (Public group) Fryslân en de Fryske taal, 12 febrewaris 2019 <https://www.facebook.com/groups/152985924776502> [krigen 16 maart 2019]; link nei it artikel Karen de Mik, ‘Antillianen moeten meer dan chillen’, Trouw, 12 febrewaris 2019, 9.

‘[P]assive’ tsjut derop dat Houtsma net fierder lêzen hat as de krantekop. It knyppunt is nammentlik dat Ljouwert net langer ryksjild krijt foar ‘gerichte doelgroepenaanpak’ en dêrom fasiliteiten foar Antillianen skrast hat.Gemeente Leeuwarden, Veiligheidsagenda 2019-2023 en geïntegreerd uitvoeringsprogramma 2019-2020, g.d., 19 <https://www.leeuwarden.nl/nl/file/35382/download> [krigen 16 maart 2019]. Dauwe Fon Der Meulen is wiis mei dy ‘snoade’ feiligensaginda:

Id dit bekind, bekinD mei ’n -d, Atte.

‘n Tige passive group. - Hiel snoad.

Feilighhiedsnota, hinDauwe Fon Der Meulen, ‘Id dit bekind…’, reply, Facebook, (Public group) Fryslân en de Fryske taal, 12 febrewaris 2019 <https://www.facebook.com/groups/152985924776502> [krigen 16 maart 2019].

Goed in wike letter is der yn it oare Fryske Facebookskift, Wysels Frysk Selsbestjoer, betizing oer wa syn koloniale erfskip ek alwer problematysk wie en wa’t rjocht hat op slachtofferskip.

Om wizer te wurden is in ferplichte Fryske ynboargeringskursus yndied needsaaklik foar anty-Fryske neokolonialen dy’t yn Fryslân wenje en libje wolle …Sytze T. Hiemstra, ‘Om wizer te’, shared link, Facebook, (Public group) Wysels Frysk Selsbestjoer, 21 febrewaris 2019 <https://www.facebook.com/groups/633722426743066/permalink/1001321483316490/> [krigen 16 maart 2019].

Mar nei in pear dagen set Huisman yn Wysels Frysk Sels­bestjoer in link dy’t kristalklear is oer de fijânnen en slachoffers: nei in fraachpetear mei de omstriden Dútske islamekspert Bassam Tibi.Wierd Duk, ‘Syrische geleerde en moslim: ‘Waarom verdedigt Europa zich niet tegen islamisering?’ ’, De Telegraaf, 23 febrewaris 2019 <https://www.telegraaf.nl/nieuws/3195802/syrische-geleerde-en-moslim-waarom-verdedigt-europa-zich-niet-tegen-islamisering?> [krigen 16 maart 2019]. Tibi stjoert mei syn begryp ‘Leitkultur’ it debat oer ymmigraasje de kant op fan panyk oer de bedriging fan de ‘Europeeske identiteit’ troch nijkommers, dus moslims. Hy is op de universiteit fan Leien útnoege troch de rjochts-populisten Paul De-Superieure-Westerse-Cultuur Cliteur en Afshin Ellian. Dêrfandinne it mediaomtinken—in hast identyk fraachpetear stie al yn de Spiegel yn 2006,Nammentlik ‘Interview with German Islam expert Bassam Tibi: ‘Europeans have stopped defending their values’ ’, Spiegel Online, 2 oktober 2006 <http://www.spiegel.de/international/spiegel/interview-with-german-islam-expert-bassam-tibi-europeans-have-stopped-defending-their-values-a-440340.html> [krigen 16 maart 2019]. mar dochs. Huisman:

It islamisme mei syn nearzige totalitêre aard en syn klam op de jihad en de sharia sjocht Bassam Tibi as in perferzy - ik sjoch it as it nije fassisme - dy’t bestriden wurde moat. … Hy seit: … Waarom verdedigen jullie je niet tegen de islamisering? Jullie zijn sukkels.” Dat smyt fansels de fraach op of’t wy yn Fryslân, wy yn it Noarden, ús hjir sûnder slach of stjit oan oerjaan moatte. Omdat wy krekt yn de noch minst islamisearre hoeke fan Nederlân wenje, is de fraach berjochtige, of’t wy dochs netris earnstich oan separatisme begjinne moatte te tinken, mei as doel: ferdigening fan wat Tibi neamt: ‘de gedeelde waarden in onze westerse samenlevingen: democratie, mensenrechten, de scheiding van kerk en staat onder meer.’Kerst Huisman, ‘It islamisme…’, shared link, Facebook, (Public group) Wysels Frysk Selsbestjoer, 23 febrewaris 2019 <https://www.facebook.com/groups/633722426743066/permalink/1001321483316490/> [krigen 16 maart 2019].

It ideologyske hert fan it Europeeske Nij Rjochts, oernommen troch Alt-Right, is “differentialist racism”: in essinsjalistyske opfetting fan identiteitspolityk. Dy neo-nasjonalistyske retoryk is meast pragmatysk genôch om gjin homogeniteit op basis fan bloed nei te stribjen mar op histoaryske bannen, dus kultuer.Christian Fuchs, ‘Racism, nationalism and right-wing extremism online: The Austrian Presidential Election 2016 on Facebook’, Momentum Quarterly 5:3 (2016) 172-196, 177. Allerhanne rjochtspopulistyske partijen yn Europa hawwe dat tinken opsûgd en sjogge har as yn in striid om de beskaving behelle. Krekt dat tinken ropt ‘autochtone’ Europeanen op om de Umvolkung, de great replacement, in kearntema yn Tarrant syn manifest,Sjoch TRT World, ‘Inside Brenton Tarrant’s manifesto’, Youtube, 16 maart 2019 <https://www.youtube.com/watch?v=t_FSZYTGyBE> [krigen 16 maart 2019]. tefoaren te kommen: de massale stream ymmigranten as gefolch fan de ‘globalisten’ har faaie multykulturele aginda. En sels, seit Marc Tuters, libbet de eangst by de fêstige tahâlders op it ynternet dat har ynternet ûnteigene wurdt.Marc Tuters, ‘LARPing & liberal tears: Irony, belief and idiocy in the Deep Vernacular Web’, yn Maik Fielitz, Nick Thurston (red.), Post-digital cultures of the Far Right: Online actions and offline consequences in Europe and the US, Political Science, dl. 71 (Bielefeld: transcript Verlag, 2019) 37-48, 39.

Neist in retoryk fan wite of nasjonale unykheid en in mienskiplik lotstinken, en fan etnyske oppermacht, superioriteit en ûnderskied, en in repertoir fan opfettingen fan rassiale of etnyske Oarsheid, is der ek altyd in utopyske revolúsjonêre wrâldfizy dy’t derop rjochte is om de besteande oarder om te smiten—hoe wol Huisman dat separatisme hawwe? Mar hoe dan ek hat it ynternet nije horizonten iepene foar it uterjen fan rassistysk wy-ûnderskied. It lokale petear oer ‘ús’ en oer rassiale útsluting koe ferbûn wurde oan in translokaal en ynternasjonaal berik. Cyberspace bea/biedt in frij feilige romte om ynteraktyf mei te dwaan yn min of mear autonome rassistyske webkriten. De kombinaasje fan de yntimiteit fan it eigen toetseboerd thús en de ôfstân fan it www dertusken jout moai gelegenheid foar rassistyske narderij. It is net sa dat der ea in dominant wyt, kristlik supremacist ynternet kommen is, mar foar lju dy’t inkeld fia it byldskerm mei de rassistyske ideology yn kontakt komme, is de stap nei gewelddiedige aksje lyts. It is ûnbekend hoe grut oft it rekrutearjen fia it ynternet is, mar grut genôch,Les Back, ‘Aryans reading Adorno: Cyber-culture and twenty-first century racism’, Ethnic and Racial Studies 25:4 (2002) 628-651, 632, 640, 649 <http://mysite.du.edu/~lavita/edpx_3770_13s/_docs/back_aryans_reading_adorno.pdf> [krigen 16 maart 2019]. sjoch nei Urk. Of nee wacht, it op Whatsapp oproppen om in Marokkaansk húshâlden te yntimidearjen, is gjin rassisme.

Sommige Nederlandse pubers spijbelen zodat ze kunnen protesteren voor betere klimaatdoelen. Urkers slaan andermans moeder het ziekenhuis in en scanderen gemoedelijk ‘Geertje Wilders’ terwijl ze het doen. Maar laten we het vooral niet racisme noemen…Druktemaker Elfie Tromp, ‘Urk’, De Nieuws BV, NPO Radio1, 14 maart 2019 <https://www.nporadio1.nl/de-nieuws-bv/onderwerpen/494145-druktemaker-elfie-tromp-urk> [krigen 16 maart 2019]; sjoch ek Gerard Driehuis, ‘Racisme? “Er wordt hier op Urk zo vaak iemand op zijn bek geslagen, daar hoor je niemand over”’, Welingelichte Kringen, 14 maart 2019 <https://www.welingelichtekringen.nl/samenleving/900214/racisme-er-wordt-hier-op-urk-zo-vaak-iemand-op-zijn-bek-geslagen-daar-hoor-je-niemand-over-%C2%A8.html> [krigen 16 maart 2019].

Arjan van der Werff keart him primêr tsjin de ‘hollânske’ ynvaasje en/mar ropt op ta geweld.

Het oppakken van (Blokkeer) Friezen is een Hollandse aanval op Fryslân en het Friese volk.

Het juiste antwoord is harde praat - wat overigens inhoudelijk steekhoudend is.Arjan van der Werff, ‘Het oppakken van’, (shared post), Facebook, (Public group) Fryslân en de Fryske taal, 7 maart 2019 <https://www.facebook.com/groups/152985924776502> [krigen 16 maart 2019].

Dan komt Huisman, op 10 maart, mei in wiere komplotteory. De relaasje tusken populisme en gearspanningstinken is in goed ûndersocht ding yn de sosjale wittenskip: mei in komplotteory hoege jo de rottige feiten net te erkennen. Want brr de elite bekonkelet eat.Vincent F. Hendricks en Mads Vestergaard, ‘Fact resistance, populism, and conspiracy theories’, yn Idem (red.) Reality lost: Markets of attention, misinformation and manipulation (New York: Springer, 2019) 79-101 <https://doi.org/10.1007/978-3-030-00813-0_5>. Faaks is net it hiele rjochtsstelsel ûnearlik, mar plysje/justysje út ‘Hollân’ ynfiltrearret Fryslân. Noat: Slijver is de sneldykblokkearder dy’t lykas Douwes in publike konservatyf-populist waard en har “Ekstreemrjochts? Dêr bin ik fierste nofter foar” pappegaait as “Wy binne gewoan besoarge boargers.”Sander van Walsum, ‘Jenny Douwes werd het gezicht van de pro-Zwarte Pietenbeweging: ‘Ik ben natuurlijk wel een lompe, harde Friezin’ ’, Volkskrant, 21 augustus 2018 <https://www.volkskrant.nl/mensen/jenny-douwes-werd-het-gezicht-van-de-pro-zwarte-pietenbeweging-ik-ben-natuurlijk-wel-een-lompe-harde-friezin-~b8dab159/> [krigen 16 maart 2019]; Geert Veldstra, ‘F)rede fan Fryslân: Harde tegenstellingen zijn taboe in de Prinsentuin’, Friesch Dagblad, 22 oktober 2018 <https://frieschdagblad.nl/2018/10/22/frede-fan-fryslan-harde-tegenstellingen-zijn-taboe-in-de-prinsentuin> [krigen 16 maart 2019].

ferslachjouwer Jan Roos suggerearre yn syn resinte ynterview mei Jenny Douwes, dat ’polysjelju út Hollân Sander Slijver-Sarton út Dokkum ophelle hawwe … Dat is dus yndied sa, wit ik no. Want ûndertusken hat Sander my te witten dien, dat de polysjes dy’t him ophellen, út Midden-Nederlân kamen. Dat is in pear hûndert kilometer hinne en werom nei Dokkum. Se fertrouwe by Justysje dus yndied de Fryske polysje net mear. En dat giet allegearre fan de euro’s dy’t wy, brave boargers, hieltiten mar trou ôfdrage oan de belestingtsjinst.Kerst Huisman, ‘Wer in nije ôflevering fan Dokkumgate’, Facebook, (Public group) Wysels Frysk Selsbestjoer, 10 maart 2019 <https://www.facebook.com/groups/633722426743066/permalink/2069661326482495/> [krigen 16 maart 2019].

Opfallend binne it kommentaar en de replyk op de post. De trije kommentaren fan huibert gean oer âld-PVV’er Joram van Klaveren dy’t him begjin febrewaris feroare ta de islam, wylst er jierrenlang sa poer islam-kritysk wie en rôp dat de islam ‘in leagen’ wie en de profeet Mohammed ‘in smjunt’ en de Koran ‘fergif’ dat Wilders hope dat Van Klaveren de earste PVV-boargemaster yn Nederlân wurde soe. Tariq Ramadan is in kontroversjele en ynfloedrike religywittenskipper, beskuldige fan oarlochssuchtig islamisme, antysemitisme, bannen mei terroristyske organisaasjes en islamistyske fûnemintalisten, en ferkrêftiging fan twa froulju.

Yoram [sic] van Klaveren word de nieuw tariq ramadan. Islam ophemelen, foute dingen wegvegen, terug naar oude Islam en zo Islam rustig en geduldig doen groeien

Ik bedoel genitale kinder mutilatie. Die term past beter bij wat er echt gebeurd

Alle shariastromingen raden besnijdenis aan. Dus dit klopt niet. Soms is het een cultureel gebruik, maar het is zeker ook Islamitisch. Dit ontkennen lost het probleem niet op!!!!huibert, 3 x kommentaar op Kerst Huisman, ‘Wer in nije ôflevering fan Dokkumgate’, Facebook, (Public group) Wysels Frysk Selsbestjoer, 10 maart 2019 <https://www.facebook.com/groups/633722426743066/permalink/2069661326482495/> [krigen 16 maart 2019].

Efkes besiden, de earst-en-iennichste antyrassismedemonstraa­sje yn Ljouwert is ferline jier opset troch in molkefarske islam­bekearling. Hja wie fan betinken dat der in ‘tsjinlûd’ komme moast op 3 april, noch gjin trije wiken nei de International Day for the Elimination of Racial Discrimination dêr’t it Comité 21 maart, it platfoarm fan de feriene antyrassisme-aktivisten yn Nederlân, alle jierren troch it hiele lân hinne antyrassismedemonstraasjes foar organisearret. Jo protest dêr net by oanheakje makket it ta in egotrip. Mar ek egotrips falle ûnder de frijheid fan ekspresje; werom nei Huisman syn post. Wiebren Hoekstra syn replyk derop lit sjen hoe maklik oft jo op it ynternet evangelisearje en lilkens en aksje mobilisearje kinne mei help fan komplotteoryen. De ‘anti-vaxxers’ binne ek aktyf op Facebook en de skea is grut.

It soe my net fernuverje. De haadofficier fan justysje yn Grins hat ek al in officier fan justysje út súdlik Nederlân helle. Sa ferwurdt it O.M. hieltyd mear ta in politieke oanklager en soks post net binnen ús demokrasy. Ik meitsje my hjir in bulte soargen oer. As men hjir it O.M. net mear as ûnparteidich fertrouwe kin, dan is it net bêst. En hja dogge ek gjin inkele mouoite om dat fertrouwen te sykjen.Wiebren Hoekstra, reply op Kerst Huisman, ‘Wer in nije ôflevering fan Dokkumgate’, Facebook, (Public group) Wysels Frysk Selsbestjoer, 10 maart 2019 <https://www.facebook.com/groups/633722426743066/permalink/2069661326482495/> [krigen 16 maart 2019].

Willem Riemersma rint ûnnoazelwei fierder yn dy sabeare-werklikens. Op 12 maart beskuldiget er de direksje—dy’t ferplichte is om de anonimiteit fan syn taakstraffers te garandearjen en dat wierskynlik goed dien hat—fan machtsmisbrûk, om’t dy de fans (Riemersma) net tastiet Slijver dêr Fryske koekjes te bringen.

DÚMKES FOAR IN BLOKKEARFRIES BLOKKEARRE!

Troch de direksje fan it wurkplak dêr ’t in Blokkearfries syn taakstraf fan oer de 100 oeren folbringt.

En doch myn tomme omheech, foar X. Dy ’t bern op harren feest frijwarje woe fan skellen oer heit en mem, as wienen dy ferdigeners fan rasisme en faksisme.Willem Riemersma, ‘Dúmkes foar in…’, Facebook, (Public group) Fryslân en de Fryske taal, 12 maart 2019 <https://www.facebook.com/groups/152985924776502> [krigen 16 maart 2019].

Krekt, seit sosjolooch Herman Vuijsje: “Plak niet op alles het etiket ‘racisme’”; twa (swarte) sjoernalisten lieten it rassismedebat oer swarte pyt eskalearje. Vuijsje skreau it boek Zwartkijkers, over de mythe van racistisch Nederland. Betink, yn de hiele jierren tachtich is der yn Nederlân gjin kritysk ûndersyk dien nei ras & minderheden, om’t ynfloeden fan rassisme, koloniaal ferline en Nederlânske superioriteit stomp rûnen op politike korrektheid. Ek bûten de universiteiten diene wy o sa tolerant en korrekt, mar korrizjearren nea de ideologyen ûnder rassisme en antyrassisme.Marc de Leeuw en Sonja van Wichelen, ‘Institutionalizing the Muslim Other: Naar nederland and the violence of culturalism’, yn Philomena Essed en Isabel Hoving (red.), Dutch racism, Thamyris/Intersecting Place, sex and race, No. 27 (2014) (Amsterdam / New York: Rodopi, 2014) 337-354, 347. Hjoed tinkt Vuijsje dat Kick Out Zwarte Piet-baas Jerry Afriyie oerdriuwt as er seit dat iepenlik rassisme “voor veel zwarte mensen in Nederland de dagelijkse realiteit” is. Wis, want rassisme is de normale wize dêr’t de maatskippij yn hannelet: Sint Piter yn Grou, ferklearje de media om it lûdst, is gjin rassisme, it is ‘gewoan’ in bernefeestje en inkeld ienris it jier. Mar it giet net om hoefolle oanfallen en hoe bluodrich. Afriyie en Yancy hawwe it oer geweld as in opsetlik kwea dat wûnen feroarsaket—de wurdboekbetsjutting!—lykas haatpraat, en dan ha se it oer de skea fan mikro-agresje en wite privilezjearring noch net iens hân.

To read white racist vitriol can be traumatic. To hear white racist vitriol intensifies the impact. One listens to the inflection of the voice, its volume, its nervousness and hatred, its terror. I registered the wounds physiologically. Mood swings. Irritability. Trepidation. Disgust. Anger. Nausea. Words do things. They carry the vestiges of the bloody and brutal contexts which gave them birth. One might think that being called a nigger so many times might decrease its impact. It doesn’t.George Yancy, ‘The ugly truth of being a black professor in America’, The Chronicle of Higher Education, 29 april 2018 <https://www.chronicle.com/article/The-Ugly-Truth-of-Being-a/243234> [krigen 16 maart 2019].

Vuijsje lykwols leit de latte foar rassistysk geweld sa heech dat, pech foar Tarrant, de sjitterij yn Nij-Seelân it etiket rassisme net iens hellet.

Dat geweld is er zeker, en het treft inderdaad miljoenen. Yezidi’s in het Midden-Oosten, Rohingya in Myanmar en Aziatische slaven in de Golfstaten moeten het niet zelden met hun leven bekopen. Maar tegen dat racistisch geweld spreken antiracismepredikers zich zelden uit. Zij reserveren hun verontwaardiging voor een stel ‘witte’ hooligans wier geweldpleging bestaat uit het gooien van blikjes en bananen.

Racistisch geweld komt in Nederland nauwelijks voor.

Het gevaar van racisme wordt onderschat, is hun boodschap.

Maar ook het tegendeel brengt risico’s met zich mee: het overschatten van de racismefactor.

Nederland is niet in twee kampen verdeeld. Het laat zich gijzelen door een beperkt aantal extremistische opiniemakers.Herman Vuijsje, ‘Plak niet op alles het etiket ‘racisme’ ’, NRC, 4 desimber 2018 <https://www.nrc.nl/nieuws/2018/12/04/plak-niet-op-alles-het-etiket-racisme-a3051945> [krigen 16 maart 2019]

De ‘net sa slim’-flater, a.k.a. de redenearflater fan relatyf brekme, seit dat: B barde, en is slimmer as A → dêrom mei A wol. Rassistysk geweld komt yn NL amper foar om’t ‘Urk’ gjin rassisme is mar in Urker bananefariant. Dan is der de striepopredenear­flater, want dat it oerskatten fan in beskaat ferskynsel riskant wêze kin is hielendal net it punt: dat is dat it rassisme better oanpakt wurde moat troch de oerheid. En op ’t lêst is wierheid mar in opiny by Vuijsje. Op Facebook, no ja, mar it is skokkend dat op NRC-nivo de kognitive dissonânsje op sa’n lytsbernige manier weimuozze wurdt. Ibram Kendi tinkt dat it ûntkennen fan it klimaat en it rassisme it selde tinkpaad folget: “These defensive voices engage in the same oratorical process, attack the credibility of scientists, disregarding their consensus and reducing their findings to personal beliefs.”Ibram X. Kendi [Director of the Antiracist Research and Policy Center at American University], ‘What the believers are denying’, The Atlantic, 1 jannewaris 2019 <https://www.theatlantic.com/ideas/archive/2019/01/what-deniers-climate-change-and-racism-share/579190/> [krigen 16 maart 2019]. Mar lês Peter Breedveld op syn weblog Frontaal Naakt, want dy bringt it nuansearder as alle oaren:

Maar van alle stukken, die ik over de zaak heb gelezen, is dat van socioloog Herman Vuijsje in NRC Handelsblad de smerigste, meest achterbakse, naargeestigste drek. NRC had onlangs al een artikel waarin een aantal deskundigen betoogde dat we vooral geen racisme moeten zoeken achter de Hitlergroetende, “hoer van de zwarten” schreeuwende pro-zwartepietfreaks die dit jaar de intocht van Sinterklaas in diverse steden opluisterden.

Vuijsje doet daar nog een schepje bovenop. Die bagger die [sjoernalisten] Gargard en Nourhussen over zich heen krijgen, beweert hij, is net als het gooien van bananen naar zwarte voetballers geen racisme.

Wat de godverdommese neuk, man.Peter Breedveld, ‘Ho! Ho! Ho! met Herman Vuijsje’, op syn weblog Frontaal Naakt, 8 desimber 2018 <http://www.frontaalnaakt.nl/archives/ho-ho-ho-met-herman-vuijsje.html> [krigen 16 maart 2019].

Ek it spammen fan ûnferdraachsume kommentaren yn Fryske Facebookskiften giet mar troch en kin blykber gjin kwea om’t der gjin duvelsk systeem yn sit—wylst it kwea fan Oaren altyd ynherint yn har swarte/moslimfolk leit. Ekstremisme giet oan by it ferlizzen fan definysjes fan geweld, dat wol sizze normalisearring, mei ynstapmooglikheid foar lilke lju yn de comment sections op Youtube. Mar it begjint by de gewoane media. Dy neame de wite Tarrant inkeld in ‘lone wolf’. Dat ferhoalet de Australyske fiedings­boaiem foar ekstreemrjochtse terreur. Dêrnei krijt de mainstreaming fan ekstreemrjochts syn beslach yn ’e nijs-kommentaarseksjes en social media. De mobilisearring giet dêrnei op Youtube, 8chan en Reddit. Dan bart de radikalisearring op de net-iepenbiere media lykas Whatsapp. Op dy encrypted apps garret ekstreemrjochts syn materiaal yn de lokale taal en set kampanjes op, lykas Urk; mar lansearret dy op de mainstream social media-platfoarmen lykas Facebook. Dêrtroch is it rassistysk petear, ek al is dat folslein sichtber en op in medium dêr’t beppe smout mei muoike rattelet, fier fan ûnskuldich: it doel fan ekstreemrjochts is om dêr op Facebook it online petear te stjoeren en de aginda fan politisy te bepalen en de trochsneedboarger derta oan te setten om de flink rjochtse partijen te stypjen.Julia Ebner, ‘Counter-creativity: Innovative ways to counter Far-Right communication tactics’, yn Maik Fielitz, Nick Thurston (red.), Post-digital cultures of the Far Right: Online actions and offline consequences in Europe and the US, Political Science, dl. 71 (Bielefeld: transcript Verlag, 2019) 169-182, 172.

Huisman hat him wilens, op 13 maart, tsjinskoarre yn de slachtofferkultuer. De mentaliteit dy’t dêrby heart is typearjend foar plakken dêr’t de doarpsyntimiteit en de kulturele homogeniteit ferlern gien binne, alteast dat is persepsje fan de situaasje, en dêr’t it morele gesach en de communis opinio noch wol straffende ynstânsjes binne. Op sa’n plak hat it doel om tredden yn it konflikt te beheljen, dat wol sizze om de saak iepenbier te meitsjen, sûnder dat tolerânsje of ûnderhanneling, dus in konstruktyf paad nei harmony, noch it doel binne. Krekt oarsom. Tarrant omskriuwt himsels ek as in “regular white man from a regular family”: yndividuen en groepen adfertearje har ûnderstelde ûnderdrukking as bewiis dat se rjocht hawwe op ‘rjochtsetten’ en erkenning.Sjoch bygelyks Conor Friedersdorf, ‘The rise of victimhood culture’, The Altantic, 11 septimber 2015 <https://www.theatlantic.com/politics/archive/2015/09/the-rise-of-victimhood-culture/404794/> [krigen 16 maart 2019].

omdat ik hieltiten mear lytse dinkjes ûntdek, yn it mei-inoar opspyljen fan wat de autoriteiten (net) dogge en wat media skriuwe, dy’t my ta de opfetting brocht hawwe, dat hjir wat hiel gemiens oan de gong is. … It giet om hiele gewoane hurd wurkjende mânlju en froulju …: de machteleaze klasse fan wurkers. … Dat hie neat mei de kleur fan de feint fan de Sint te krijen, mar mei it basisgefoel fan in frou en mem, dy’t har yn har weardichheid oantaast fielde. … Friezen dy’t goed thús binne yn de skiednis fan har folk, witte wat striid foar rjocht is. Yn de midsiuwen, yn de tiid fan de ketterferfolgingen … en ek no, op dy bjusterbaarlike novimberdei op de A7Kerst Huisman, ‘Hoe mear’t ik’, shared link, Facebook, (Public group) Wysels Frysk Selsbestjoer, 13 maart 2019 <https://www.facebook.com/groups/633722426743066/permalink/2069661326482495/> [krigen 16 maart 2019].

Mar likefolle oft Huisman syn minderheids-entitlement falsk of fundearre is, rassisme dat net komt troch de kleur fan it fel mar troch machtleazens en ûnweardich fielen, bliuwt rassisme. Dauwe Fon Der Meulen set de Fryske oersetting fan it konseptferkiezings­programma 2017-2021 fan de PVV derûnder, de bekende “Mil­joenen Nederlânners havve skjin har nocht fon ’e islamiseärring fon uus lawn”-tekst dy’t krekt te lang is foar Twitter, Wilders syn wichtichste kommunikaasjemiddel, mar maklik te fersprieden op Facebook.Dauwe Fon Der Meulen, ‘Ferkiezingsprogram PVV 2017’, Facebook, (Public group) Wysels Frysk Selsbestjoer, 13 maart 2019 <https://www.facebook.com/groups/633722426743066/permalink/2069661326482495/> [krigen 16 maart 2019]. Twa dagen foar de ferkiezingen giet in junky mei in Turkske foarnamme troch it lint yn Utert. Gjin wurd oer de Nij-Seelânske sjitterij yn de Fryske Facebookskiften, mar nei de Utertse sjitterij, op 20 maart ferkiezingsdei, set Arjan van der Werff in post fan sneldykblokkearder Slijver op Fryslân en de Fryske taal, foarsjoen fan it motto “Geen gekke dingen gaan doen, wel orde op zaken stellen.”

Je kan het niet allemaal 1 op 1 met elkaar in verband brengen, echter, dit is wel duidelijk: ook al word veel ellende door het bestuur voorkomen, als idioten vrij op straat rondlopen, dan…Hoe te zeggen.Arjan van der Werff, ‘Geen gekke dingen doen’, Facebook, (Public group) Fryslân en de Fryske taal, 20 maart 2019 <https://www.facebook.com/groups/152985924776502> [krigen 20 maart 2019].

Sjenswizen. Opinys, frije ekspresje. Hmm. Op dit stuit rûgelje út alle hoeken fan it hielal warskôgingen op ús del: dat de sjitterij net allinne Tarrant syn skuld is mar ek uzes, mines, om’t ik te min oan it rassisme doch, om’t ik net faak genôch sis fan hee ik, sa kinne wy net, stom slachtofferke boartsje en myn fyts foar de moskee delsmite sadat sy gjin plak mear ha.

Noaten

  1. Noor de Kort, ‘Op sokken loopt Femke Halsema tussen de geknielde mannen’, NRC, 15 maart 2019 <https://www.nrc.nl/nieuws/2019/03/15/op-sokken-loopt-femke-halsema-tussen-de-geknielde-mannen-a3953449> [krigen 16 maart 2019].
  2. Deborah Jongejan, ‘Toename aantal incidenten bij moskeeën’, AD, 3 febrewaris 2017 <https://www.ad.nl/binnenland/toename-aantal-incidenten-bij-moskeeen~a5cbee43/> [krigen 16 maart 2019]. Neffens de Nasjonaal Koördinator Terrorismebestriding en Feiligheid Dirk Schoof wiene der yn it jier 2016 tsientallen insidinten by islamityske gebedshuzen. De Monitor Moslim Discriminatie 2017 lit sjen dat yn it tiidrek 2005 oant en mei 2014 176 fan de meiinoar 500 moskeeën yn Nederlân troffen binne troch agresje en geweld.
  3. Ineke van der Valk, ‘Incidenten bij moskeeën: risico en bescherming’, dielûndersyk fan it projekt Monitor Islamofobie, Universiteit van Amsterdam, april 2016, 49 <http://imes.uva.nl/binaries/content/assets/subsites/institute-for-migration--ethnic-studies/publications/moskeeincidentenrisicobescherming.pdf> [krigen 16 maart 2019].
  4. Magyarország Kormánya [Regear fan Hongarije], ‘Önnek is joga van tudni, mire készül Brüsszel!’ [Jo hawwe ek it rjocht om te witten wêr’t Brussel op oanstjoert!], Facebook, 18 febrewaris 2019 <https://www.facebook.com/kormanyzat/photos/a.134933189912743/2510209519051753/?type=3&theater> [krigen 16 maart 2019].
  5. Jennifer Rankin, ‘Brussels accuses Orbán of peddling conspiracy theory with Juncker poster’, The Guardian, 19 febrewaris 2019 <https://www.theguardian.com/world/2019/feb/19/brussels-orban-jean-claude-juncker-poster-george-soros-hungary> [krigen 16 maart 2019].
  6. Ien ferzje fan de fideo teminsten seis oeren. Alex Hern en Jim Waterson, ‘Social media firms fight to delete Christchurch shooting footage’, The Guardian, 15 maart 2019 <https://www.theguardian.com/world/2019/mar/15/video-of-christchurch-attack-runs-on-social-media-and-news-sites> [krigen 16 maart 2019].
  7. Sjoch ‘Sharing of Christchurch shooting video likely to be against the law’, Te Tari Taiwhenua | Internal Affairs NZ, 15 maart 2019 <https://www.dia.govt.nz/Sharing-of-Christchurch-shooting-video-likely-to-be-against-the-law> [krigen 16 maart 2019]; Alex Hern en Jim Waterson, ‘Social media firms fight to delete Christchurch shooting footage’, The Guardian, 15 maart 2019 <https://www.theguardian.com/world/2019/mar/15/video-of-christchurch-attack-runs-on-social-media-and-news-sites> [krigen 16 maart 2019].
  8. Kevin Nguyen, ‘Accused Christchurch mosque shooter Brenton Tarrant used same radicalisation tactics as Islamic State, expert says’, ABC Net News, 17 maart 2019 <https://www.abc.net.au/news/2019-03-17/christchurch-shootings-brenton-tarrant-social-media-strategies/10908692> [krigen 17 maart 2019].
  9. Chris Klomp, Twitter, 15 maart 2019 <https://twitter.com/chrisklomp?lang=en> [krigen 16 maart 2019].
  10. Kerst Huisman, g.t., shared link yn it skift Wysels Frysk Selsbestjoer, Facebook, 8 febrewaris 2019 <https://www.facebook.com/groups/633722426743066/permalink/2025917137523581/> [krigen 16 maart 2019].
  11. 3 tweets @JennyDouwes, Ik kreeg…, Twitter, 5 febrewaris 2019 <https://twitter.com/JennyDouwes/status/1092894726045515776> [krigen 16 maart 2019]; @JennyDouwes, Ik had beter…1, ibidem, har typo; @JennyDouwes, Ik had beter…2, ibidem.
  12. Sjoch Han van der Horst, ‘Jenny d’Arc van het noorden begrijpt niet waarom ze extreemrechts wordt genoemd’, BNN-VARA, 21 novimber 2017 <https://joop.bnnvara.nl/opinies/jenny-darc-noorden-extreemrechts> [krigen 16 maart 2019].
  13. Chris Klomp, ‘Waarom Jenny Douwes een populistische kletskous is’, Reporters Online, 7 februari 2019 <https://reportersonline.nl/waarom-jenny-douwes-een-populistische-kletskous-is/> [krigen 16 maart 2019].
  14. Kerst Huisman, g.t., shared link yn it skift Wysels Frysk Selsbestjoer, Facebook, 8 febrewaris 2019 <https://www.facebook.com/groups/633722426743066/permalink/2025917137523581/> [krigen 16 maart 2019].
  15. Friduwih Riemersma, ‘Radikalisearring yn de man cave: de Schurerlêzing’, Fers2 5:1 (2019) <http://fers2.eu/radikalisearring-yn-de-man-cave-de-schurerlezing/"> [krigen 16 maart 2019]; Chloé Ridel, ‘Europe is in the grip of a cult of identity. But we can fight back’, The Guardian, 28 novimber 2019 <https://www.theguardian.com/commentisfree/2018/nov/28/europe-identity-far-right-democratic-freedom> [krigen 16 maart 2019].
  16. Divya Jain, ‘Conservative farmers movements and right-wing populism in contemporary India’, International Institute of Social Studies, novimber 2017, 11 <https://thesis.eur.nl/pub/41753/DJain_MA_2016_17_AFES.pdf> [krigen 16 maart 2019].
  17. Kerst Huisman, Dit hoege wy dochs, Facebook, 10 febrewaris, Facebook, (Public group) Fryslân en de Fryske taal <https://www.facebook.com/groups/152985924776502> [krigen 16 maart 2019].
  18. Syds Wiersma, yn email ‘Swarte Pyt yn Grou’, 8 oktober 2018. By ús yn Grou wie Swarte Pyt in held./ Gjin nammeleaze yn in rige piten/ mar kammeraat en boadskipper besteld/ mei ’t bringen fan in wrâld oan wille en fiten.// Hy reizge troch de febrewariskjeld/ Sint Piter fier foarút, foar ús allinne/ hie hy op ’t iensum paad de stjerren teld/ en liet er rom foar’t feest it feest begjinne.// Al like Frysk as swart en frij ynklús/ ferhelle hy fan wûnders op syn tochten./ Hy brocht it eigene út frjemdten thús/ en toande dat wy oaren wêze mochten.// Hy dûnse op in wize libbensnocht./ Hy hat my it respekt foar swart bybrocht.
  19. Menaze Crhymer Holband, Ik waz gizter, Facebook, 10 febrewaris 2019 <https://www.facebook.com/photo.php?fbid=120949805641763&set=a.102976990772378&type=3&theater&ifg=1> [krigen 16 maart 2019].
  20. Björn Schellingen, comment by Kerst Huisman, Dit hoege wy dochs, Facebook, 10 febrewaris, Facebook, (Public group) Fryslân en de Fryske taal <https://www.facebook.com/groups/152985924776502> [krigen 16 maart 2019].
  21. Imran Awan, ‘Islamophobia on social media: A qualitative analysis of the Facebook’s walls of hate’, International Journal of Cyber Criminology 10:1 (2016) 1-20, 13, 2 <https://doi.org/10.5281/zenodo.58517>.
  22. Art.1, ‘Discriminatiecijfers in 2017’, rapport yn opdracht fan de polysje, it ministearje van Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes en de Landelijke Vereniging tegen Discriminatie, Art. 1, april 2018, 42-43 <https://discriminatie.nl/files/2018-04/discriminatiecijfers-in-2017.pdf> [krigen 16 maart 2019].
  23. Atte Houtsma, ‘dit is bekint…’, Facebook, (Public group) Fryslân en de Fryske taal, 12 febrewaris 2019 <https://www.facebook.com/groups/152985924776502> [krigen 16 maart 2019]; link nei it artikel Karen de Mik, ‘Antillianen moeten meer dan chillen’, Trouw, 12 febrewaris 2019, 9.
  24. Gemeente Leeuwarden, Veiligheidsagenda 2019-2023 en geïntegreerd uitvoeringsprogramma 2019-2020, g.d., 19 <https://www.leeuwarden.nl/nl/file/35382/download> [krigen 16 maart 2019].
  25. Dauwe Fon Der Meulen, ‘Id dit bekind…’, reply, Facebook, (Public group) Fryslân en de Fryske taal, 12 febrewaris 2019 <https://www.facebook.com/groups/152985924776502> [krigen 16 maart 2019].
  26. Sytze T. Hiemstra, ‘Om wizer te’, shared link, Facebook, (Public group) Wysels Frysk Selsbestjoer, 21 febrewaris 2019 <https://www.facebook.com/groups/633722426743066/permalink/1001321483316490/> [krigen 16 maart 2019].
  27. Wierd Duk, ‘Syrische geleerde en moslim: ‘Waarom verdedigt Europa zich niet tegen islamisering?’ ’, De Telegraaf, 23 febrewaris 2019 <https://www.telegraaf.nl/nieuws/3195802/syrische-geleerde-en-moslim-waarom-verdedigt-europa-zich-niet-tegen-islamisering?> [krigen 16 maart 2019].
  28. Nammentlik ‘Interview with German Islam expert Bassam Tibi: ‘Europeans have stopped defending their values’ ’, Spiegel Online, 2 oktober 2006 <http://www.spiegel.de/international/spiegel/interview-with-german-islam-expert-bassam-tibi-europeans-have-stopped-defending-their-values-a-440340.html> [krigen 16 maart 2019].
  29. Kerst Huisman, ‘It islamisme…’, shared link, Facebook, (Public group) Wysels Frysk Selsbestjoer, 23 febrewaris 2019 <https://www.facebook.com/groups/633722426743066/permalink/1001321483316490/> [krigen 16 maart 2019].
  30. Christian Fuchs, ‘Racism, nationalism and right-wing extremism online: The Austrian Presidential Election 2016 on Facebook’, Momentum Quarterly 5:3 (2016) 172-196, 177.
  31. Sjoch TRT World, ‘Inside Brenton Tarrant’s manifesto’, Youtube, 16 maart 2019 <https://www.youtube.com/watch?v=t_FSZYTGyBE> [krigen 16 maart 2019].
  32. Marc Tuters, ‘LARPing & liberal tears: Irony, belief and idiocy in the Deep Vernacular Web’, yn Maik Fielitz, Nick Thurston (red.), Post-digital cultures of the Far Right: Online actions and offline consequences in Europe and the US, Political Science, dl. 71 (Bielefeld: transcript Verlag, 2019) 37-48, 39.
  33. Les Back, ‘Aryans reading Adorno: Cyber-culture and twenty-first century racism’, Ethnic and Racial Studies 25:4 (2002) 628-651, 632, 640, 649 <http://mysite.du.edu/~lavita/edpx_3770_13s/_docs/back_aryans_reading_adorno.pdf> [krigen 16 maart 2019].
  34. Druktemaker Elfie Tromp, ‘Urk’, De Nieuws BV, NPO Radio1, 14 maart 2019 <https://www.nporadio1.nl/de-nieuws-bv/onderwerpen/494145-druktemaker-elfie-tromp-urk> [krigen 16 maart 2019]; sjoch ek Gerard Driehuis, ‘Racisme? “Er wordt hier op Urk zo vaak iemand op zijn bek geslagen, daar hoor je niemand over”’, Welingelichte Kringen, 14 maart 2019 <https://www.welingelichtekringen.nl/samenleving/900214/racisme-er-wordt-hier-op-urk-zo-vaak-iemand-op-zijn-bek-geslagen-daar-hoor-je-niemand-over-%C2%A8.html> [krigen 16 maart 2019].
  35. Arjan van der Werff, ‘Het oppakken van’, (shared post), Facebook, (Public group) Fryslân en de Fryske taal, 7 maart 2019 <https://www.facebook.com/groups/152985924776502> [krigen 16 maart 2019].
  36. Vincent F. Hendricks en Mads Vestergaard, ‘Fact resistance, populism, and conspiracy theories’, yn Idem (red.) Reality lost: Markets of attention, misinformation and manipulation (New York: Springer, 2019) 79-101 <https://doi.org/10.1007/978-3-030-00813-0_5>.
  37. Sander van Walsum, ‘Jenny Douwes werd het gezicht van de pro-Zwarte Pietenbeweging: ‘Ik ben natuurlijk wel een lompe, harde Friezin’ ’, Volkskrant, 21 augustus 2018 <https://www.volkskrant.nl/mensen/jenny-douwes-werd-het-gezicht-van-de-pro-zwarte-pietenbeweging-ik-ben-natuurlijk-wel-een-lompe-harde-friezin-~b8dab159/> [krigen 16 maart 2019]; Geert Veldstra, ‘F)rede fan Fryslân: Harde tegenstellingen zijn taboe in de Prinsentuin’, Friesch Dagblad, 22 oktober 2018 <https://frieschdagblad.nl/2018/10/22/frede-fan-fryslan-harde-tegenstellingen-zijn-taboe-in-de-prinsentuin> [krigen 16 maart 2019].
  38. Kerst Huisman, ‘Wer in nije ôflevering fan Dokkumgate’, Facebook, (Public group) Wysels Frysk Selsbestjoer, 10 maart 2019 <https://www.facebook.com/groups/633722426743066/permalink/2069661326482495/> [krigen 16 maart 2019].
  39. huibert, 3 x kommentaar op Kerst Huisman, ‘Wer in nije ôflevering fan Dokkumgate’, Facebook, (Public group) Wysels Frysk Selsbestjoer, 10 maart 2019 <https://www.facebook.com/groups/633722426743066/permalink/2069661326482495/> [krigen 16 maart 2019].
  40. Wiebren Hoekstra, reply op Kerst Huisman, ‘Wer in nije ôflevering fan Dokkumgate’, Facebook, (Public group) Wysels Frysk Selsbestjoer, 10 maart 2019 <https://www.facebook.com/groups/633722426743066/permalink/2069661326482495/> [krigen 16 maart 2019].
  41. Willem Riemersma, ‘Dúmkes foar in…’, Facebook, (Public group) Fryslân en de Fryske taal, 12 maart 2019 <https://www.facebook.com/groups/152985924776502> [krigen 16 maart 2019].
  42. Marc de Leeuw en Sonja van Wichelen, ‘Institutionalizing the Muslim Other: Naar nederland and the violence of culturalism’, yn Philomena Essed en Isabel Hoving (red.), Dutch racism, Thamyris/Intersecting Place, sex and race, No. 27 (2014) (Amsterdam / New York: Rodopi, 2014) 337-354, 347.
  43. George Yancy, ‘The ugly truth of being a black professor in America’, The Chronicle of Higher Education, 29 april 2018 <https://www.chronicle.com/article/The-Ugly-Truth-of-Being-a/243234> [krigen 16 maart 2019].
  44. Herman Vuijsje, ‘Plak niet op alles het etiket ‘racisme’ ’, NRC, 4 desimber 2018 <https://www.nrc.nl/nieuws/2018/12/04/plak-niet-op-alles-het-etiket-racisme-a3051945> [krigen 16 maart 2019]
  45. Ibram X. Kendi [Director of the Antiracist Research and Policy Center at American University], ‘What the believers are denying’, The Atlantic, 1 jannewaris 2019 <https://www.theatlantic.com/ideas/archive/2019/01/what-deniers-climate-change-and-racism-share/579190/> [krigen 16 maart 2019].
  46. Peter Breedveld, ‘Ho! Ho! Ho! met Herman Vuijsje’, op syn weblog Frontaal Naakt, 8 desimber 2018 <http://www.frontaalnaakt.nl/archives/ho-ho-ho-met-herman-vuijsje.html> [krigen 16 maart 2019].
  47. Julia Ebner, ‘Counter-creativity: Innovative ways to counter Far-Right communication tactics’, yn Maik Fielitz, Nick Thurston (red.), Post-digital cultures of the Far Right: Online actions and offline consequences in Europe and the US, Political Science, dl. 71 (Bielefeld: transcript Verlag, 2019) 169-182, 172.
  48. Sjoch bygelyks Conor Friedersdorf, ‘The rise of victimhood culture’, The Altantic, 11 septimber 2015 <https://www.theatlantic.com/politics/archive/2015/09/the-rise-of-victimhood-culture/404794/> [krigen 16 maart 2019].
  49. Kerst Huisman, ‘Hoe mear’t ik’, shared link, Facebook, (Public group) Wysels Frysk Selsbestjoer, 13 maart 2019 <https://www.facebook.com/groups/633722426743066/permalink/2069661326482495/> [krigen 16 maart 2019].
  50. Dauwe Fon Der Meulen, ‘Ferkiezingsprogram PVV 2017’, Facebook, (Public group) Wysels Frysk Selsbestjoer, 13 maart 2019 <https://www.facebook.com/groups/633722426743066/permalink/2069661326482495/> [krigen 16 maart 2019].
  51. Arjan van der Werff, ‘Geen gekke dingen doen’, Facebook, (Public group) Fryslân en de Fryske taal, 20 maart 2019 <https://www.facebook.com/groups/152985924776502> [krigen 20 maart 2019].

Fers2 nû. 5.5, 10 maart 2019

Tel jo seiningen, Tjeerd

image Fers2
Jordan Belfort, Tjeerd van Bekkum (foto Niels Westra), Billy Graham E.A.

No, menear Van Bekkum, of mei ik Tjeerd sizze, gjin noed oer de kulturele haadstêd-legacy hear: ús kultuer is de legacy fan desennia lange neoliberale polityk.

Ik wit bêst wat der op it spul stiet, Tjeerd. Us jonge hat de krante foar my meinommen út Ljouwert. Want ik kom dêr selden. Ik ken Ljouwert oant yn al syn legacies. As ik út de trein stap kinne myn astmamedisinen net opbokse tsjin Ljouwert syn stege ferskears­kongestje- en fynstoflegacy. Op ’e Eastergowei by it metadonútdielen, of metadonbehanneling sa’t se it no neame om’t útdiele te paljatyf heart, slagget it Ljouwert net om beskutting te bouwen en de ûnfersetlike legacy fan syn neoliberale polityk net langer yn rein, snie en stoarm op syn bekerke metadon wachtsje te litten. Fierderop by de Ee hat myn omke jier nei jier minder kofje-ynrin en leechdrompelige aktiviteiten om’t it potsje foar de stânfêste ekspsychiatryske legacy leech is, en Ljouwert kin mar net begripe hoe’t dat potsje ea sa lyts wêze koe en de pot foar in steamplom­ûndersyk foar in toeristelokkerke sa grut—steamplom! Op it Aldehouplein hat Ljouwert nea it griene keatsfjild foar de bern, de net te vermurvjen net-besteegjende legacy fan minderjierrigen sûnder creditcard yn ’e bûse, op prime place middenyn ’e stêd krije kinnen.

Dy útkomsten wiene bekend. De Good practices Leeuwarden—ja sa hjit it—sei yn 2017 al:

[T]he city is high on economic disadvantage and social exclusion. With six disadvantaged urban areas, the city is in the top of the ‘children in poverty top-100’ of Dutch cities.Gemeente Ljouwert, ‘Leeuwarden-Fryslân European Capital of Culture 2018: Culture as a driver’, Agenda 21 for Culture, febrewaris 2017, 1 <http://www.agenda21culture.net/sites/default/files/files/good_practices/leeuwarden-def-eng.pdf> [4 maart 2019].

Efterútgong fan it foarsjenningennivo yn stêden is ien fan de erfskippen fan it globalisearre neoliberale kapitalisme. Dat wit elkenien. Jo hoege wier net yn ien fraachpetear mei de krante trije kear te sizzen “te laat begonnen aan legacy 2018”, “Je ziet, en dat heb ik ook egen de Europese Commissie gezegd, dat culturele hoofdsteden te laat beginnen met de legacy, met de organisatie van de legacy” en “Je ziet dat het hardnekkig te doorbreken is dat culturele hoofdsteden te laat beginnen met de legacy”: it is ien en al legacy!

De neoliberale útwaaks fan it kapitalisme leit de klam op finansjalisearring fan ’e ekonomy, ynstee fan op produktyf fabrisearjen. It neoliberaal kapitalisme set oan ta privatisearjen, ta skea fan iepenbiere ynvestearring en ynfrastruktuer. Jild beskaat de relaasjes tusken stêden en steaten. Grutte kearnstêden binne it ideaal fan de globalisearre ekonomy basearre op kapitaalstreamen. It ideale fêstigjen fan it folk waard urbanisaasje; mar der is net foar elkenien wurk.Theresa Almeida, ‘Neoliberal policy and the growth of slums’, Prospect, 21 maaie 2012 <https://prospectjournal.org/2012/05/21/neoliberal-policy-and-the-growth-of-slums/> [4 maart 2019]. Gentrification makket fierder dat de lege ynkommens­groepen huzen en hieren yn de rânestêd net betelje kinne, dus dy lûke nei suburbane regio’s.Cody Hochstenbach en Sako Musterd, ‘Gentrification and the suburbanization of poverty: changing urban geographies through boom and bust periods’, Urban Geography 39:1 (2018) 26-53, online 17 jannewaris 2017 <https://www.tandfonline.com/doi/full/10.1080/02723638.2016.1276718> [4 maart 2019]. Oerheidsinisjativen om sosjale, ekonomyske en politike ferskillen tusken boargers lytser te meitsjen en om foar elkenien de wolfeart te garandearjen binne tebekdraaid.Gary Spolander, Lambert Engelbrecht, Linda Martin, Marianne Strydom, Irina Pervova, Päivi Marjanen, Petri Tani, Alessandro Sicora, Francis Adaikalam, ‘The implications of neoliberalism for social work: Reflections from a six-country international research collaboration’, International Social Work 57:4 (2014) 301–312 <https://journals.sagepub.com/doi/10.1177/0020872814524964> [4 maart 2019].

Dat is legacy dy’t nimmen jo wer ôfpakke kin. Boppedat betocht Ljouwert in pear jier lyn yn alderleafst stienkoalingelsk om it neoliberale effekt te parearjen mei mear neoliberalistysk kultuer­belied.

The city considers that change through culture is the future and a powerful instrument for socioeconomic development.

The city use cultural participation and capacity-building as an integral part of a long-term policy aiming to offer a stronger economic and social structure to all inhabitants.

[T]he City and the Province have formulated an explicit joint policy for the long term. For its coordination and implementation, the alliance partners have set up an integrated programme group.Gemeente Ljouwert, ‘Leeuwarden-Fryslân European Capital of Culture 2018: Culture as a driver’, Agenda 21 for Culture, febrewaris 2017, 2, 3, 4 <http://www.agenda21culture.net/sites/default/files/files/good_practices/leeuwarden-def-eng.pdf> [4 maart 2019].

Sosjoekonomysk giet oer it ferskil tusken minsken har finansjele situaasje: neigeraden de legere sosjoekonomyske status is it berop op publike middelen grutter, lykas medyske soarch; dat wolle jo net. Kulturele partisipaasje is passyf meidwaan oftewol kaartsjekeapjen. Yntegrearre programma’s binne net demokratysk, op ôfstân, privee en mei, kop op Tjeerd, ’t is swart-op-wyt legacy: mei direkteuren dy’t der knap oan fertsjinje sille.

Dus, doe’t ik it smelle trepke nei ús jonge syn appartemintsje opklommen wie en de foardoar iepen treau, lei dêr foar myn fuotten jo Wolf of Wall Street-neibearen. De krantefoto. It spyt my dat ik earst tocht dat it in godstsjinstdwylsinnige wie. ’t Wie de kleur fan it jaske, religieus blau—ik wist oan jo foto ta net iens dat dat in offisjele kleur wie, sjoch sa lear ik noch wat fan jo—mar fansels hiene jo derom tocht om gjin bibel mei te nimmen.

Hiene jo jo sifergûchelderij sa moai ensênearre as in ‘media event’ op de meast magyske dei fan it jier, “[d]ie datum hebben we zelfgekozen”,Patrick van ’t Haar, ‘Baas Cultuurjaar: te laat begonnen aan legacy 2018’, Leeuwarder Courant, 28 febrewaris 2019, 1. komt der dan krekt konkurrinsje fan mobster Michael Cohen syn blockbuster testimony op teefee + ynternet, mei leagens, misliedingen en suggestive foarstellingen fan saken, dêr’t elkenien dochs in knikje leaver fan sit te smûzen as fan jowes, Tjeerd. It himd is werris neier as de rok, is ’t net sa? It kin it publyk net in soad skele wat jo bodde ha. Iepenbier jild, de sinten fan de minsken, har belestingjild, bringe jo sûnder dat de boarger der fierder wat oer te sizzen hat nei de private bûsen fan festivalbazen, neat nijs ûnder de sinne, fia djoere tagongskaarstjes, subsydzje op de tagongskaartsjes, garânsjes foar de tagongskaartsjes, ferplichte kultuerbesite fan al Fryslâns skoalbern, miljoenen stipe fan de oerheden mei syn beiden los fan de (stipe) tagongskaartsjes, it ôfrjemjen fan merchandising fan de performers en mear as al it oare fia de festivals har bierferkeapers.

Like ticketing, beer & wine is a fairly obvious festival revenue source, since most events do take in a high percentage of the profits generated by selling liquor at their events. The more booze you sell, the more money your festival can make. This is sometimes how festivals offering highly discounted tickets or free admission can break even, or even generate a profit.Natasha Hillier, ‘Festival revenue sources: How do festivals make money? How do they keep it?’, Marcato, 12 jannewaris 2017 <https://marcatofestival.com/festival-organizers-blog/festival-revenue-sources-how-do-festivals-make-money-how-do-they-keep-it/> [4 maart 2019].

Dêrneist, hotelfernachtingen fan bûtenlanners bejubelje, prima. Mar jo rapport seit dat “blijkt uit cijfers over het aantal vestigingen van bedrijven, dat er in de jaren 2017 en 2018 duidelijk meer horecavestigingen zijn in Fryslân dan in de jaren daarvoor”BBO, ‘Economische impact 2018 - CONCEPT – 27 februari’, Scribd, 1 maart 2019, 6 <https://www.lc.nl/friesland/Lees-hier-mee-met-de-uitkomsten-van-het-LF2018-onderzoek.-Wat-valt-jou-op-Laat-van-je-horen-24218379.html> [krigen 1 maart 2019]. Ernst & Young, in maat grutter as jo beliedsûndersyksburooke BBO—wacht giet it oer belied? oer jo organisaasje dochs? Tjeerd?—sizze fan yn Nederlân giet it jild fan fernachters mar foar in fierde part nei it sliepen. De rest is foar iten en drinken en dat lang net altyd ‘on-trade’ yn ’e hotelbar, mar gewoan oeral.

Although the bars sub-sector has performed relatively well in recent years, with growing turnover between 2008 and 2010, there is a growing trend towards purchasing beer from off-trade establishments, which accounted for 74% of all beer sales in 2011, compared to 72% in 2008.Ernst & Young, ‘The hospitality sector in Europe: An assessment of the economic contribution of the hospitality sector across 31 countries. Netherlands’, EY, septimber 2013, 187 <https://www.ey.com/Publication/vwLUAssets/The_Hospitality_Sector_in_Europe/$FILE/EY_The_Hospitality_Sector_in_Europe.pdf> [4 maart 2019].

2018 hie in tropyske simmer, de ierde waarmet op, hoe dreech kin it wêze. Dochs like jo optreden in miste kâns foar skerpe business promotion, mei dat ferkearde jaske, dy ‘te laat begonnen’-mantra yn it krantestik en wat der middeis noch kaam oan neoliberalistyske erfskipkultuer: it promoatsjen fan kultuer as in rike boarne, kultuer foar winst en kultuer te keap, de keunstner as rolmodel yn de neoliberale ekonomy en de lêste flarden fersnipelje fan de buorgeois demokrasy yn de bedriuwsbestjoerde omkeard-totalitêre kultuersfearen. It wie as mankearre der eat oan de propaganda fan de moneymaking.

Mar nimmen hat it dochs yn ’e holle helle om te freegjen fan hoefolle pompe se no werom yn de lokale ekonomy? Gjinien hat dochs sein dat inkeld en allinne út de neoliberale optyk wei de kulturele haadstêd in súkses is, mar stekke jo in lytse tean bûten de neoliberalistyske mindset, dat dan de fûneminten ûnder jo optimisme, Tjeerd, weisakje as Grinslân ûnder de Nederlandse Aardolie Maatschappij? Net ien hat it dochs hân oer maatskiplik ferantwurde ûndernimmen en flauwe grappen makke oer Sense of Place, of in opmerking makke oer maatskiplike relevânsje; trouwens in hege bankfunksjonaris sei ferline wike tsjin in kammeraatske fan my dat de helte oan it bankpersoniel fuort en jo soene it ferskil net fernimme, echt wier. It hinget oaninoar fan harsels yn stân hâldende funksjes dêre, lykas by jo yn Ljouwert, Tjeerd, dat hâldt op te ja-neeën. Legacy is legacy.

O, de Fries Museumdirekteur. Mei syn tweet: “Zoals verwacht gaat het bij de stichting @lf2018 eerst over de organisatie (zichzelf), dan pas over programma, dan pas over doelstellingen. #navelstaren”Kris Callens, op Twitter, 28 febrewaris 2019 <https://twitter.com/kriscallens?lang=en> [4 maart 2019]. No ja, de direkteur fûn út dat as immen syn eigen hanneljen hifket, dat it dan oer himsels giet, eureka! en dat woe er witte litte oan de wrâld Tjeerd, hat neat om ’e hakken. Ja, hy sei in pear dagen letter yn de krante fan “Je moet ook met artistieke kwaliteit komen.”Kirsten van Santen, Asing Walthaus, ‘Opinie: Kunst! Mag het nog wel iets kosten?’, Leeuwarder Courant, 2 maart 2019 <https://www.lc.nl/opinie/Opinie-Kunst-Mag-het-nog-wel-iets-kosten-24223679.html> [krigen 2 maart 2019]. Mar is dat earst ûnsin, want yn de gearfetting fan it kulturele haadstêd-bid book—de folsleine ferzje hat gjin hûn lêzen—komt it wurd ‘keunst’ los fan de ridel keunst-en-kultuer mar fiif kear foar en op in bygeande foto leit it blikje Heineken, dat jo organisaasje, Tjeerd, hat nea wêzentlik keunst tasein, ik bedoel, wêrom soene jo ek keunst tasizze as festivals it wurk wol dogge.Stichting Kulturele Haadstêd 2018, Samenvatting Bidbook Lwd2018, Nederlands/Frysk, útj. 1-2 e print, 31 oktober 2012. Twad frege de museumdirekteur fiif moanne lyn om fjouwer miljoen provinsjestipe foar de kultuer foar de oankommende jierren, mar de deputearre woe mar twa jaan, allinne foar dit jier: “Oar jier binne der Steateferkiezings en dit kolleezje wol net oer syn grêf hinne regearje.”Jan Ybema, ‘Cultuursector wil meer geld voor erfenis LF2018’, Friesch Dagblad, 4 oktober 2018 <https://frieschdagblad.nl/2018/10/4/cultuursector-wil-meer-geld-voor-erfenis-lf2018?harvest_referrer=https:%2F%2Fwww.google.com%2F> [krigen 4 maart 2019]. Dêr grynt er no noch oer: as hy syn jild net krijt, hoe kin it dan artistyk wêze.

No dan it kulturele haadstêdhifkjen, de presintaasje fan ’e omsetsifers. In sterk punt is dat keazen is tsjin it iepenbierjen fan in foltôge, kompleet en staveringshifke ferslach, yn it foardiel fan in koarte publyksferzje fan it ûndersyksrapport, dat op it lêste stuit troch de stazjêr yninoar fröbele is en net neisjoen lit stean goedkard troch de organisaasje: ‘Economische impact 2018 – Concept – 27 februari’. Sa. Sels gjin jiertal. Dêr kinne jo alle kanten mei op. De fleurige noaten yn it konsept hawwe krante flot oerhelle om it op syn side stean te litten—hoewol’t se it fan Scribd ôfhellen—want wa lêst no ea gnizend de jierrekken fan in bedriuw? “Uitgelokte investeringen 20-20 miljoen”, “* De CBS-statistieken geven ook binnenlandse overnachtingen; die komen lager uit. Oorzaak: PM (navragen provincie) Bron: Provincie Fryslân” en “Er zijn van de 12 grote events in aantallen bezoeken geregistreerd en op basis van onder meer enquêtes is van die bezoeken ook de herkomst bekend. Het gaat in totaal om ruim 1,6 miljoen bezoeken, grotendeels in 2018.”BBO, ‘Economische impact 2018 - CONCEPT – 27 februari’, Scribd, 1 maart 2019, 7, 9, 10 <https://www.lc.nl/friesland/Lees-hier-mee-met-de-uitkomsten-van-het-LF2018-onderzoek.-Wat-valt-jou-op-Laat-van-je-horen-24218379.html> [krigen 1 maart 2019].

De yntroduksje, sa kryptysk en it paad bjuster, is hielendal Cantatrice chauve moetet consultancy lingo.

[E]conomische impact … welvaartseconomische benadering … kengetal … concrete schattingen … indicatieve schattingen … assessment … de resultaten van de KPI meting … economische effecten.BBO, ‘Economische impact 2018 - CONCEPT – 27 februari’, Scribd, 1 maart 2019, 1 <https://www.lc.nl/friesland/Lees-hier-mee-met-de-uitkomsten-van-het-LF2018-onderzoek.-Wat-valt-jou-op-Laat-van-je-horen-24218379.html> [krigen 1 maart 2019].

De trochsneedlêzer wit dochs net better as it kengetal is dêr’t it tillefoannûmer nei in oar plak mei begjint. It ymponearret har hânsum oer “de schattingen zijn niet gebaseerd op gedetailleerd onderzoek en/of uitgebreide metingen” hinne,BBO, ‘Economische impact 2018 - CONCEPT – 27 februari’, Scribd, 1 maart 2019, 1 <https://www.lc.nl/friesland/Lees-hier-mee-met-de-uitkomsten-van-het-LF2018-onderzoek.-Wat-valt-jou-op-Laat-van-je-horen-24218379.html> [krigen 1 maart 2019]. Myn kursyf. se freegje hielendal net: wêr dan wol op? Se stroffelje net oer de ‘kritike prestaasje-yndikators’, kpi’s, dy’t nuttige parameters binne as jo witte wolle oft in ûndernimming syn doelstellingen goed neieret, mar hallo! doel helle of net: 2018 is om. De kpi is inkeld mar brûkt om syn ekstrapolearberens = 100 toeristen enkêtearje en dan sizze dat it foar alle toeristen jildt. De trochsneedlêzer wifket at maatskiplik rendemint net wat oars is, nammentlik folle breder is as finansjeel rendemint oftewol winst oftewol “economische impact gegenereerd van 230 tot 330 miljoen euro.”Irene Overduin, ‘LF2018 maakte van 1 euro 2,20 euro of meer’, Leeuwarder Courant, 28 febrewaris 2019 <https://www.lc.nl/friesland/LF2018-maakte-van-1-euro-220-euro-of-meer-24218512.html> [krigen 1 maart 2019]. Ekonomysk effekt omfettet gjin promosjonele effekten, mediawearde, kultureel kapitaal oare net-finansjele maatskiplike kosten en opbringsten en lange termyn­effekten. Ekonomysk effekt giet inkeld en allinne oer de bestegingseffekten fan in evenemint foar in spesifike regio op koarte termyn—it BBO-ûndersyk gie dus nea oer legacy want dat is lange termyn.

Er past wel een ‘maar’ bij de feestvreugde, tekent BBO aan. De uitkomsten betreffen kortetermijn-effecten, “die na het jaar 2018 in principe zijn uitgewerkt”.Irene Overduin, ‘LF2018 maakte van 1 euro 2,20 euro of meer’, Leeuwarder Courant, 28 febrewaris 2019 <https://www.lc.nl/friesland/LF2018-maakte-van-1-euro-220-euro-of-meer-24218512.html> [krigen 1 maart 2019].

Neffens de krante neamt BBO “LF2018 op basis van dit resul­taat (een multiplier van 2,2 tot 3,1) een maatschappelijk rendabel project”,Irene Overduin, ‘LF2018 maakte van 1 euro 2,20 euro of meer’, Leeuwarder Courant, 28 febrewaris 2019 <https://www.lc.nl/friesland/LF2018-maakte-van-1-euro-220-euro-of-meer-24218512.html> [krigen 1 maart 2019]. wylst BBO, ek al soe soks wol legacy sjen litte kinne, nea in maatskiplike kosten-batenanalyse dien hat. Maatskiplik rendemint is de winst of taheakke wearde fan in projekt foar de hiele maatskippij. Dêrfoar moet, nei de kosten en konkrete opbringsten dy’t wol yn kaart te bringen binne, dus de grutte fan it resultaat, ek de relaasje tusken de opbringst en de bedoelde effekten op tafel. Dat is dreech en djoer: foar hoefier liedt in kamera ta mear feiligens; foar hoefier liedt in kulturele haadstêd ta bliuwend mear kultuergeniet yn Fryslân? Dêr moat in feroarings­teory tusken,LPBL, ‘Maatschappelijk rendement in het sociale domein: Een handreiking voor opdrachtgeversvan MKBA’s’ (Concept), opdracht BZK, Bouwstenen voor Sociaal, desimber 2010, 5 <https://bouwstenenvoorsociaal.nl/fileswijkplaats/Conceptrapport%20Maatschappelijk%20Renbdement%20dec%202010.pdf> [4 maart 2019]. Tjeerd. Mar it slimste komt noch. BBO sjocht inkeld besikers, út de regio sels, út de rest fan Nederlân en út it útlân, mar maatskiplik rendemint sjocht nei alle leden fan de maatskippij, net-besikers en kwetsbere groepen likefolle. Guon leden ûndergean ek negative wearde, lykas dat toeristewurk altyd leech-oplaat seizoenswurk is dat net ta in sûne arbeidsmerk liedt of dat—tabee sustainable tourism—horekakeatlingen de losse organyske bedriuwkes lykas kafee Wouters ferkringe, en it rekkenet alle effekten mei, ek net-finansjele,LPBL, ‘Maatschappelijk rendement in het sociale domein: Een handreiking voor opdrachtgeversvan MKBA’s’ (Concept), opdracht BZK, Bouwstenen voor Sociaal, desimber 2010, 6 <https://bouwstenenvoorsociaal.nl/fileswijkplaats/Conceptrapport%20Maatschappelijk%20Renbdement%20dec%202010.pdf> [4 maart 2019]. lykas dat toeristyske kriten minder feilich op ’e dyk binne en de libbenskwaliteit by festivalparken net omheech giet.

Dêrom wolle jo in fluch finansjeel rendemint of in businesscase—“en daarmee zijn we heel vroeg, in vergelijking met andere culturele hoofdsteden die daar normaal pas in de zomer mee komen”Patrick van ’t Haar, ‘Baas Cultuurjaar: te laat begonnen aan legacy 2018’, Leeuwarder Courant, 28 febrewaris 2019, 1.—en ferbliidzje de belutsen ynvestearders gau mei in finansjele ûnderbouwing fan har hanneljen en lit dy legacy mar sitte. Yn it BBO-ferslach komt it wurd legacy net foar en op de 44 siden ‘Slotmeting’ fan de gemeente Ljouwert en de provinsje Fryslân ek net ien kear.Gemeente Ljouwert, Provinsje Fryslân, ‘Slotmeting LF2018’ (onderzoeksresultaten), febrwaris 2019, Scribd, g.d. <https://www.scribd.com/document/400734674/Bijlage-Slotmeting-LF2018#from_embed> [4 maart 2019]. ‘Kunst’ stiet ienris yn de ‘Slotmeting’, as se it ha oer de Atlas voor Gemeenten, en net yn it ferslachje, wat foar de hân leit want Ljouwert en Fryslân achtsje keunst iepenlik elitêr en jildfergriemerij. Mar sels ‘cultuur’ stiet der net yn. Tel jo seiningen Tjeerd!: it hifkjen fan de kulturele haadstêd dêr’t it hiele wurd ‘kultuer’ út mist.

Noaten

  1. Gemeente Ljouwert, ‘Leeuwarden-Fryslân European Capital of Culture 2018: Culture as a driver’, Agenda 21 for Culture, febrewaris 2017, 1 <http://www.agenda21culture.net/sites/default/files/files/good_practices/leeuwarden-def-eng.pdf> [4 maart 2019].
  2. Theresa Almeida, ‘Neoliberal policy and the growth of slums’, Prospect, 21 maaie 2012 <https://prospectjournal.org/2012/05/21/neoliberal-policy-and-the-growth-of-slums/> [4 maart 2019].
  3. Cody Hochstenbach en Sako Musterd, ‘Gentrification and the suburbanization of poverty: changing urban geographies through boom and bust periods’, Urban Geography 39:1 (2018) 26-53, online 17 jannewaris 2017 <https://www.tandfonline.com/doi/full/10.1080/02723638.2016.1276718> [4 maart 2019].
  4. Gary Spolander, Lambert Engelbrecht, Linda Martin, Marianne Strydom, Irina Pervova, Päivi Marjanen, Petri Tani, Alessandro Sicora, Francis Adaikalam, ‘The implications of neoliberalism for social work: Reflections from a six-country international research collaboration’, International Social Work 57:4 (2014) 301–312 <https://journals.sagepub.com/doi/10.1177/0020872814524964> [4 maart 2019].
  5. Gemeente Ljouwert, ‘Leeuwarden-Fryslân European Capital of Culture 2018: Culture as a driver’, Agenda 21 for Culture, febrewaris 2017, 2, 3, 4 <http://www.agenda21culture.net/sites/default/files/files/good_practices/leeuwarden-def-eng.pdf> [4 maart 2019].
  6. Patrick van ’t Haar, ‘Baas Cultuurjaar: te laat begonnen aan legacy 2018’, Leeuwarder Courant, 28 febrewaris 2019, 1.
  7. Natasha Hillier, ‘Festival revenue sources: How do festivals make money? How do they keep it?’, Marcato, 12 jannewaris 2017 <https://marcatofestival.com/festival-organizers-blog/festival-revenue-sources-how-do-festivals-make-money-how-do-they-keep-it/> [4 maart 2019].
  8. BBO, ‘Economische impact 2018 - CONCEPT – 27 februari’, Scribd, 1 maart 2019, 6 <https://www.lc.nl/friesland/Lees-hier-mee-met-de-uitkomsten-van-het-LF2018-onderzoek.-Wat-valt-jou-op-Laat-van-je-horen-24218379.html> [krigen 1 maart 2019].
  9. Ernst & Young, ‘The hospitality sector in Europe: An assessment of the economic contribution of the hospitality sector across 31 countries. Netherlands’, EY, septimber 2013, 187 <https://www.ey.com/Publication/vwLUAssets/The_Hospitality_Sector_in_Europe/$FILE/EY_The_Hospitality_Sector_in_Europe.pdf> [4 maart 2019].
  10. Kris Callens, op Twitter, 28 febrewaris 2019 <https://twitter.com/kriscallens?lang=en> [4 maart 2019].
  11. Kirsten van Santen, Asing Walthaus, ‘Opinie: Kunst! Mag het nog wel iets kosten?’, Leeuwarder Courant, 2 maart 2019 <https://www.lc.nl/opinie/Opinie-Kunst-Mag-het-nog-wel-iets-kosten-24223679.html> [krigen 2 maart 2019].
  12. Stichting Kulturele Haadstêd 2018, Samenvatting Bidbook Lwd2018, Nederlands/Frysk, útj. 1-2 e print, 31 oktober 2012.
  13. Jan Ybema, ‘Cultuursector wil meer geld voor erfenis LF2018’, Friesch Dagblad, 4 oktober 2018 <https://frieschdagblad.nl/2018/10/4/cultuursector-wil-meer-geld-voor-erfenis-lf2018?harvest_referrer=https:%2F%2Fwww.google.com%2F> [krigen 4 maart 2019].
  14. BBO, ‘Economische impact 2018 - CONCEPT – 27 februari’, Scribd, 1 maart 2019, 7, 9, 10 <https://www.lc.nl/friesland/Lees-hier-mee-met-de-uitkomsten-van-het-LF2018-onderzoek.-Wat-valt-jou-op-Laat-van-je-horen-24218379.html> [krigen 1 maart 2019].
  15. BBO, ‘Economische impact 2018 - CONCEPT – 27 februari’, Scribd, 1 maart 2019, 1 <https://www.lc.nl/friesland/Lees-hier-mee-met-de-uitkomsten-van-het-LF2018-onderzoek.-Wat-valt-jou-op-Laat-van-je-horen-24218379.html> [krigen 1 maart 2019].
  16. BBO, ‘Economische impact 2018 - CONCEPT – 27 februari’, Scribd, 1 maart 2019, 1 <https://www.lc.nl/friesland/Lees-hier-mee-met-de-uitkomsten-van-het-LF2018-onderzoek.-Wat-valt-jou-op-Laat-van-je-horen-24218379.html> [krigen 1 maart 2019]. Myn kursyf.
  17. Irene Overduin, ‘LF2018 maakte van 1 euro 2,20 euro of meer’, Leeuwarder Courant, 28 febrewaris 2019 <https://www.lc.nl/friesland/LF2018-maakte-van-1-euro-220-euro-of-meer-24218512.html> [krigen 1 maart 2019].
  18. Irene Overduin, ‘LF2018 maakte van 1 euro 2,20 euro of meer’, Leeuwarder Courant, 28 febrewaris 2019 <https://www.lc.nl/friesland/LF2018-maakte-van-1-euro-220-euro-of-meer-24218512.html> [krigen 1 maart 2019].
  19. Irene Overduin, ‘LF2018 maakte van 1 euro 2,20 euro of meer’, Leeuwarder Courant, 28 febrewaris 2019 <https://www.lc.nl/friesland/LF2018-maakte-van-1-euro-220-euro-of-meer-24218512.html> [krigen 1 maart 2019].
  20. LPBL, ‘Maatschappelijk rendement in het sociale domein: Een handreiking voor opdrachtgeversvan MKBA’s’ (Concept), opdracht BZK, Bouwstenen voor Sociaal, desimber 2010, 5 <https://bouwstenenvoorsociaal.nl/fileswijkplaats/Conceptrapport%20Maatschappelijk%20Renbdement%20dec%202010.pdf> [4 maart 2019].
  21. LPBL, ‘Maatschappelijk rendement in het sociale domein: Een handreiking voor opdrachtgeversvan MKBA’s’ (Concept), opdracht BZK, Bouwstenen voor Sociaal, desimber 2010, 6 <https://bouwstenenvoorsociaal.nl/fileswijkplaats/Conceptrapport%20Maatschappelijk%20Renbdement%20dec%202010.pdf> [4 maart 2019].
  22. Patrick van ’t Haar, ‘Baas Cultuurjaar: te laat begonnen aan legacy 2018’, Leeuwarder Courant, 28 febrewaris 2019, 1.
  23. Gemeente Ljouwert, Provinsje Fryslân, ‘Slotmeting LF2018’ (onderzoeksresultaten), febrwaris 2019, Scribd, g.d. <https://www.scribd.com/document/400734674/Bijlage-Slotmeting-LF2018#from_embed> [4 maart 2019].

Fers2 nû. 5.4, 24 febrewaris 2019

Jild, of

Wat fan keunst kostet no feitlik safolle jild?

image Fers2

Keunst kostet jild oars kin it gjin keunst wêze. Sljocht as in teenager op in designer label, want djoer is goed, hastiget de provinsje Fryslân him om jild út te jaan oan it pimpen fan syn provinsjale status: troch ‘keunst’. Op ien en de deselde dei waard bekend dat de kulturele haadstêdfonteinen 1,2 kear sa djoer binne as begrutte—troch wa ek al wer, de provinsje dochs? doe’t dy de fonteinen oernaam fan de kulturele haadstêdorganisaasje “omdat ze beter in staat zou zijn de uitvoering te regelen”—dat de “provincie lapt bij”, en dat se it kulturele haadstêdprojekt Sense of Place fjouwer ton ekstra jouwe foar net-realisearre keunstwurken.‘Fonteinen 1,2 miljoen duurder dan begroot’, Friesch Dagblad, 13 febrewaris 2019, 3.

Sense of Place kreeg 1,4 miljoen euro van LF2018. Dat geld is inmiddels volledig verbruikt. Enkele projecten zijn ermee gerealiseerd, zoals de dobbepaarden-wandelroute bij Marrum. Verder is veel geld gegaan naar voorbereidingskosten van de grote kunstwerken.Pieter Atsma, ‘Provincie steekt vier ton in Sense of Place’, Friesch Dagblad, 13 febrewaris 2019, 3.

Wat tariedingskosten fan in ‘grut’ keunstwurk binne ha wy om googleje moatten. Nul hits. Inkeld oanwizingen dat it giet om lobbykosten by de mesenassen, ynbegrepen gearstallen fan sjike portfolio’s. Mar Rembrandt van Rijn krige sa’n 3500 gûne foar syn De compagnie van kapitein Frans Banning Cocq en luitenant Willem van Ruytenburgh maakt zich gereed om uit te marcheren, a.k.a. Nachtwacht, wat in flink bedrach is. Hy kocht der dalik in kapitaal pân fan, dêr’t de showy 4-wheel drive fan de Sense of Place-direkteur by yn it neat falt. Mar dêr ha jo dan ek wat foar, want de Nachtwacht kostet no 4049 euro de kante sintimeter en oars as by ûntwerpersklean is oerflakpriis in ridlik objektyf ferlikingsmiddel foar de priis fan keunst.Kasper Jansen en Maarten Schinkel, ‘Wat kost Rembrandt per cm²?’, NRC, 9 maart 2007 <https://www.nrc.nl/nieuws/2007/03/09/wat-kost-rembrandt-per-cm2-11288378-a1114854> [krigen 21 febrewaris 2019]. It is dus gjin wûnder dat ús deputearre fan Kultuer Sietske Poepjes sa’n ynvestearring jippyjajee dwaan wol! Hja wol as de Fryske Banninck Cocq & Van Ruytenburch de wrâldhistoarje yngean.

Lykwols, de opdrachtjouwers/ynvestearders fan de Nachtwacht wisten wat keunst wie. Op de fine art market is de priis fan de Sense of Place-objekten nihil. En net allinne de renommearre hyperkeunstskiednisspesjalisten dy’t keunstprizen ite en drinke en sykhelje, lûke der har skouders foar op, allyksa dogge de pionierjende nije-styl art curators mei ferstân fan it lokale sirkwy. Want Sense of Place is gjin keunst. Benammen de autentisiteit, tsjintwurdich in sine qua non foar wiere keunst, mist. In ferfalske Van Gogh is sadwaande in pear euro wurdich en in net fan de ferfalsking te ûnderskieden echtenien tsientallen miljoenen. In kuierpaad is likefolle wurdich as watfoar kuierpaad ek, want ek it aura fan orizjinaliteit mist—aansen mear oer dy ûnmisbere artistike halo.

As jo it hawwe oer jild foar keunst hawwe jo it oer hannel yn keunst, dus oer ruilwearde en net oer betsjuttingswearde. De betsjuttingswearde fan keunst wurdt fan sein yntrinsyk te wêzen, sadat jo drege diskusjes út de wei geane en gjin ferdigeningen op tafel hoege te lizzen, of ynstruminteel, dus goed foar de yndividu of de mienskip. Dêr is hielendal gjin inkeld bewiis foar, en/want as keunst sa’n beskavende wurking hawwe soe, hoe is dan de ymmoraliteit te ferklearjen fan lju dy’t dei en nacht keunst dogge? Stalin wie dichter foar’t er diktator waard en net iens in minnenien (dichter). Dus keunst syn wearde is ferkeapwearde is jild.

Yn de antike tiden, midsieuwen en renêssânse gie it ferkeap­proses net fia galleryen en keunsthannelers, mar troch bestellen fan en leverjen oan in mesenas, bygelyks in kening of in tsjerkelieder, dy’t yndruk meitsje woe op it hear en syn kollega’s, mei moaie dingen. Dy machthawwer makke mei de keunstner in kontrakt op. Dêr stie it honorarium yn en ek hoe grut oft it keunstwurk wurde soe, fan hokker materiaal, wêr’t it oer gean moast en wannear’t it klear wie. Au fond gie it lykas it bestellen fan in oranjekoeke dêr’t gjin slachrjemme op moat mar wol krêm en allinne gersgriene konfijte fruchtsjes en dan yn skreefleaze kursive haadletters ‘CDA’ dwers oer alles hinne, en it moat om tsien oere klear wêze, mar as der wat mis giet lizze wy fjouwer ton ekstra by en dan docht it der net ta wannear’t it einlings ôf komt.

Merk op dat artistike frijheid net bestie. Mar it wie wol handich om’t jo net earst wat hoegden te meitsjen en dan mar ôfwachtsje oft immen it wol keapje wol, sa’t no it gefal is yn ’e keunst. Want de renêssânse hakketakke o sa tsjin de ambachts- c.q. amtneropfetting fan keunst oan. Men woe dat de keunstner sjoen waard as in ûnôfhinklike tinker-skepper-fernijer en krige ek dêr’t men foar focht. Mar de keunstners fan no wolle feitlik allegearre in mesenas en alle dagen ûnbesoarge yn it atelier, ynstee fan taktysk netwurkje en puzzelje op de marketing, om dan in stjerkeunstner te wurden lykas Andy Warhol en likegoed te kleien oer de op ’e kletter sleine keunstkommersje dy’t alle skjintme werombringt ta in keal bedrach en hieltyd mear tich miljoenen foar in Picassoke of Van Goghke. En dat krimmenearjen oer de keunstmerk-bubble helpt har echt neat. It fersnipeljen fan in piperdjoer skilderij yn it feilinghûs, dalik nei de oankeap, jaget de prizen allinne mar fierder op.

The stunning and widely viewed moment was seen as a pointed criticism of the lucrative art world from the daring artist. But art dealers and auction house directors think the unique stunt has only made the $1.4 million work—a price that set a record for a Banksy piece—more valuable.

“That’s the ironic part about it … It was meant to be a criticism of the art market, and I think it’s going to double the value of the work.”Jennifer Calfas, ‘Banksy shredded a piece of art that sold for $1.4 million. Now it’s worth double, according to an art expert’, Money, 8 oktober 2018 <http://money.com/money/5418695/banksy-girl-with-a-balloon-self-destruct-double/> [krigen 21 febrewaris 2019], sitaat Leon Benrimon, direkteur fan moderne en hjoeddeiske keunst by Heritage Auctions.

Sotheby’s wol de keaper—en ûnderbieder—net bekend meitsje, mar los fan de ferdûbele wearde is de eigner heechstwierskynlik wiis mei syn fersnipele keunstwurk. Oars as in pompte oranjekoeke is in keunstwurk dat stikken is net weardeleas rekke. De wearde fan keunst, as in yntrinsike en permaninte eigenskip fan in keunstwurk bestiet net: der is altyd in persoan—of in bist, lykas de kat Choupette fan Lagerfeld silger—dy’t it wurdearjen dwaan moat. Dat betsjut dat ‘de’ wearde fan keunst groulik subjektyf is. Wearde is überhaupt in subjektyf ding. De wetter-diamantparadoks—dat ien op in kuier tsjin in diamant oanrinne kin en ek al hat er dêr minder war foar dien as it djippen fan wetter, hy de diamant dochs heger wurdearje sil—lit sjen dat de wearde fan eat beskaat wurdt troch it waarnommen ferlet derfan; net troch de hoemannichte produksjetiid, noch de krapte of unisiteit fan it produkt.

Jawis lêzer: niis seine wy dat orizjinaliteit de wichtichste betingst foar keunst wie. Healweis de jierren tachtich, de personal computer teach op, it modernisme eksplodearre, poenden de globale ekonomy en it neoliberalisme de keunst oan. Alles koe no it belang fan winst tsjinje. De strjitkeunstner Banksy boude jierren fan tefoaren in fersnipelder yn de list fan syn doek “in case it was ever up for auction.”Jennifer Calfas, ‘Banksy shredded a piece of art that sold for $1.4 million. Now it’s worth double, according to an art expert’, Money, 8 oktober 2018 <http://money.com/money/5418695/banksy-girl-with-a-balloon-self-destruct-double/> [krigen 21 febrewaris 2019]. Dat, hoewol’t by de Assieriërs en Egypteners konformisme de noarm wie en Rembrandt sels foar syn Selsportret op 34-jierrige âldens—wat kin mear persoanlik en autentyk wêze as in selsportret—doelberet in potret fan in man yn blau fan Titiaan kopiearre, orizjinaliteit wie en bleau in needsaak foar keunst: de merk wol nijichheden. Orizjineel is in kwaliteit dêr’t wy graach foar betelje.

Inkeld wat orizjinaliteit krekt wie, waard oer twivele. Orizjina­liteit yn de strakke betsjutting, dat in wurk as it makke wurdt flink ferskilt fan al it oare dat de skepper wit dat op dit stuit bestiet, like net needsaaklik, noch wichtich foar keunst: jo hiene orizjinele en goeie wurken, en orizjinele mar minne.Monroe C. Beardsley, Aesthetics, problems in the philosophy of criticism [1958] (Indianapolis, IN / Cambridge UK: Hackett Publishing, 1981) 460. Brekke mei in tradysje is nammentlik net altyd fantastysk. It iennichste Fryske foarbyld dêrfan, want Friezen binne net sa radikaal, is de poëzy op rinnende bannen yn Tresoar, dy’t jo wol sjen kinne mar net lêze. Wat rêstet is saai en plat; gjin keunst. Orizjinaliteit, tocht men, wie dêrom inkeld needsaaklik yn gearhing mei ‘goedheid’.Frank Sibley, ‘Originality and value’, British Journal of Aesthetics 25 (1985) 169-184. Opnij printe yn Approach to aesthetics (Oxford: Clarendon Press, 2001) 119-134.

Want jo wolle oarspronklikens skiede fan nijichheidsjes. Dy twa hawwe it nije en it unike mienskiplik. Mar yn de oarsprong-orizjinaliteit skûlet neffens Kant it sjeny fan de keunstner, wylst nijichheid-orizjinaliteit ‘ynnovatyf’ is, mar min. Jo wolle dus in ferskil oanwize kinne tusken dy twa soarten orizjinaliteit. Aldergelokst makket de taal dat maklik: it wurk ‘is in orizjineel’ of it is ‘orizjineel’. In orizjineel is dat de keunstner it sels betocht hat en it net massaproduksje dien, dus it giet om autentisiteit. Mar orizjineel is it priizgjen fan de kreativiteit fan de keunstner.Christopher Bartel, ‘Originality and value’, Hermeneia 10 (2010) 66-77, 70 <http://hermeneia.ro/wp-content/uploads/2011/02/07_Bartel_2010.pdf> [krigen 21 febrewaris 2019]. Dat is yn prinsipe de orizjinaliteit dêr’t de keunstminner foar betelje wol.

Orizjinaliteit yn dy sin is net dat it ferskilt fan alle oare wurken dy’t de keunstner ea sjoen hat. Lykwols, wat kin jo de keunstner skele as jo it ‘orizjinele’ wurk ferhannelje wolle foar de heechst mooglike winst; it publyk moat tinke dat it it net earder sjoen hat. Dat sette jo op jo webside: dat jo reuzen kocht ha dy’t nea ea earder troch in stêd paradearren. Jo sizze der net by dat se amper orizjineel binne yn de sin fan kreatyf selsbetocht, want de reuzen op midsieuske simmermerken en festivals kenne in lange tradysje. En de reuzehollen wurde yn searje fabrisearre, of tink by it reuze­hynder oan Troaje en de Kelpies yn Skotlân, of tink by de reuseftige hynste­spektakels oan Versailles, of by de út Versailles kopiearre reuzefiskefontein ek oan Versailles en by reuze- gewoan oan de Fryske provinsjale megalomany fan juster en moarn. Dus: it tinken fan alle orizjinele wurk is goed & alle goeie wurk is orizjineel—en rjochtfeardiget miljoenen—lost it problematyske fan de orizjinaliteitskultus net op.

It liket yntuïtyf billik dat keunst wurdearre wurdt om syn orizjinaliteit. De keunstner hat war dien foar syn parallelle tinken en akseptearret it ûnbegryp en ferhúnjen en it gjin beurs krijen om’t it wurk nearne yn past. Mar it punt is dan: wat is dy orizjinaliteit dy’t sa’n hege wearde hat/hawwe moatte soe? Christopher Bartel tinkt oan oarsprong. It keunstwurk kin gjin eigenskippen mei oar wurk mienskiplik hawwe, om’t sok besibbe wurk der deagewoan noch net is. Wichtiger noch: it wurk giet út fan in ynjouwing dy’t de muoite wurdich is om letter te werheljen. It wurk stiet no of yn de takomst oan it begin fan in streaming. It hoecht net estetysk te wêzen, mar moat wol in tinkbyld befetsje dat fitaal is en dêr’t op fuortbreide wurde kin.Christopher Bartel, ‘Originality and value’, Hermeneia 10 (2010) 66-77, 76 <http://hermeneia.ro/wp-content/uploads/2011/02/07_Bartel_2010.pdf> [krigen 21 febrewaris 2019]. Simpel sein: it wurk moat net baanbrekkend wêze mar paadsljochtsjend.

It hat hielendal gjin doel om orizjinaliteit te ferlykjen, sa’t de keunsthistorisy dogge, seit Bartel.Christopher Bartel, ‘Originality and value’, Hermeneia 10 (2010) 66-77, 77 <http://hermeneia.ro/wp-content/uploads/2011/02/07_Bartel_2010.pdf> [krigen 21 febrewaris 2019]. Jo rinne dan tsjin de fraach oan oft dit wurk mear orizjineel is as dat wurk, yn it foarste plak mear betsjuttingsfol orizjineel en dêrneist ek ynfloedryk orizjineel. Mar keunstskiedkundich ‘ynnovatyf’, hoe lang seit Abe de Vries it al oer Waling Dykstra, hat likemin as ‘ferskilt fan it al oare’, te krijen mei artistike wearde. De paradoks fan orizjinaliteit is dat alle keunst altyd boud is op de yllustere skiednis. Wy steane allegearre op de skouders fan giganten. Fan keunstners ferwachtsje om folslein nij wurk, sûnder watfoar ynfloed fan foargongers ek, te meitsjen, is ûnrealistysk of sels ûnmooglik. Yn de keunst is orizjinaliteit gradaasje; gjin swart-wytkwestje. As keunsthistoarisy klienhertich Marina Abramović ûntmaskerje as plagiaris, boe, gelokkich hat se hjir gjin fontein meitsje meien, dan is dat út in djippere eangst wei, dat

advanced art in the 21st century now lives off the past in a way that is unhealthy, like some dead Byzantine culture that, paradoxically, worships the new. Art today is perpetually restaging ideas first enunciated in the 1960s or even the 1910s.Jonathan Jones, ‘Contemporary art isn’t original – even copying has been done before’, The Guardian, 30 maaie 2014 <https://www.theguardian.com/commentisfree/2014/may/30/contemporary-art-isnt-original-marina-abramovic-row> [krigen 21 febrewaris 2019].

En sels kopiearjen, imitatio, is al earder dien—jo wolle net iens ultranij wurk. Sykje jo uterste ynnovativiteit dan bedarje al gau op in brûsplak of dichtklupke dêr’t se net better witte. Of by Sense of Place, “om samen op innovatieve wijze vorm te geven aan culturele landschapsontwikkeling.”‘Over ons’, Sense of Place, g.d. <https://www.sense-of-place.eu/over-ons/> [krigen 21 febrewaris 2019]. Lykas kuierpaden fan in 1,4 miljoen.

Al mei al, dat wat fan keunst safolle jild kostet, is dat dy keunst in bytsje ferskilt fan al it oare dat derfoar oan keunst bestie en faak net moai is, mar wol út in nij tinkbyld fuotkommen is, dat te werheljen is yn mear wurk. Foar dat soart orizjinaliteit wolle wy as taharker of keunstsamler betelje.

Wêrom wol de deputearre fan Kultuer safolle spansearje oan net-orizjinele net-keunst? Om te begjinnen is keunst foar har in eksoatysk eat, wat blykt út har toerismedefinysje fan

the term “the arts”. In popular parlance the term usually means what is technically called the “plastic arts”. That is those forms of the arts that are restricted to paintings, sculpture and other visual concepts. Of course, the term can mean much more.‘The arts and tourism’, Tourism & More, oktober 2011 <http://www.tourismandmore.com/tidbits/the-arts-and-tourism/> [krigen 21 febrewaris 2019].

Fisueel skouspul, oftewol artistyk toerisme lûkt minsken oan dy’t graach jild útjouwe, seit it toerismeûndersyk. Se keapje happich tagongskaartsjes en sliepplak en toeristegastronomy yn strategyske horeka,Tarık Sengel, Ayşen Karagoz, Gurel Cetin, Fusün Istanbullu Dincera, Suna Mugan, Ertugrala en Mehtap Balık, ‘Tourists’ approach to local food’, artikel foar de World Conference on Technology, Innovation and Entrepreneurship, Procedia - Social and Behavioral Sciences 195 (2015) 429-437. wylst jo op natuertoeristen gjin winst meitsje, want dy krûpe ier en betiid yn har eigen tintsje om de oare deis mei it fûgelgidske yn ’e wâl te lizzen, ek al ûntmoediget de provinsje dat út alle macht.Koen Pennewaard, ‘Kritiek: Friesland ontbreekt op 'iconische beurzen' ’, Leeuwarder Courant, 22 febrewaris 2019 <https://www.lc.nl/friesland/Kritiek-Friesland-ontbreekt-op-iconische-beurzen-24199129.htm> [krigen 22 febrewaris 2019]. Mei keunst yn de Sotheby’s-sin hat artistyk toerisme neat te krijen: it is in gearwurkingsferbân tusken kultuer en toerisme “troch kreatyf te út te wreidzjen wat unyk is oan in mienskip.”Chiranjivi Bhatta, ‘The role of arts in promoting tourism: A case of tourism development in Thamel Area’, Nepal Journals Online 3:1 (2016) 177-184, 180. <https://www.nepjol.info/index.php/JAAR/article/download/16627/13476> [krigen 21 febrewaris 2019]. Artistyk toerisme kin de bedriuwigens oantrune. Hotels en keunstoanbieders kinne hân yn hân artistike bêden, iterij en wierfryske sûvenirs optinke. Artistyk-toeristen binne dêr sljocht op! Sjoch, as jo boatsjetoerisme oanlûke wolle, moatte jo earst farwetter en oanlisplak oantuge, nim no Holwert. Mar oars as wetter & in haven hat elk plak wol keunst, sizze toerisme-eksperts en de Sense of Place-direkteur; dat foar keunst is de ynvestearring minimaal!

En de winst is maksimaal as jo de keunst mar fier fuort en efter in hikke lokalisearje. Op Oerol, it skouspul dêr’t Sense of Place it kwadraat fan is, fan deselde ûndernimmer en ek stipe troch de provinsje, sette se de toeristen op in eilân dêr’t se net fan ôf kinne, it toppunt fan tourist trap, en litte har betelje wat de middenstân mar ha wol as se nei it húske moatte en liede har ûnderweis dêr hinne by allerhanne traktaasjes lâns, lykas op it sneldykpomp­stasjon, orizjineel is it net. Mar dy ha teminsten it fatsoen en fange gjin provinsjale miljoenen foar benzine dy’t noch yn tarieding is.

Noaten

  1. ‘Fonteinen 1,2 miljoen duurder dan begroot’, Friesch Dagblad, 13 febrewaris 2019, 3.
  2. Pieter Atsma, ‘Provincie steekt vier ton in Sense of Place’, Friesch Dagblad, 13 febrewaris 2019, 3.
  3. Kasper Jansen en Maarten Schinkel, ‘Wat kost Rembrandt per cm²?’, NRC, 9 maart 2007 <https://www.nrc.nl/nieuws/2007/03/09/wat-kost-rembrandt-per-cm2-11288378-a1114854> [krigen 21 febrewaris 2019].
  4. Jennifer Calfas, ‘Banksy shredded a piece of art that sold for $1.4 million. Now it’s worth double, according to an art expert’, Money, 8 oktober 2018 <http://money.com/money/5418695/banksy-girl-with-a-balloon-self-destruct-double/> [krigen 21 febrewaris 2019], sitaat Leon Benrimon, direkteur fan moderne en hjoeddeiske keunst by Heritage Auctions.
  5. Jennifer Calfas, ‘Banksy shredded a piece of art that sold for $1.4 million. Now it’s worth double, according to an art expert’, Money, 8 oktober 2018 <http://money.com/money/5418695/banksy-girl-with-a-balloon-self-destruct-double/> [krigen 21 febrewaris 2019].
  6. Monroe C. Beardsley, Aesthetics, problems in the philosophy of criticism [1958] (Indianapolis, IN / Cambridge UK: Hackett Publishing, 1981) 460.
  7. Frank Sibley, ‘Originality and value’, British Journal of Aesthetics 25 (1985) 169-184. Opnij printe yn Approach to aesthetics (Oxford: Clarendon Press, 2001) 119-134.
  8. Christopher Bartel, ‘Originality and value’, Hermeneia 10 (2010) 66-77, 70 <http://hermeneia.ro/wp-content/uploads/2011/02/07_Bartel_2010.pdf> [krigen 21 febrewaris 2019].
  9. Christopher Bartel, ‘Originality and value’, Hermeneia 10 (2010) 66-77, 76 <http://hermeneia.ro/wp-content/uploads/2011/02/07_Bartel_2010.pdf> [krigen 21 febrewaris 2019].
  10. Christopher Bartel, ‘Originality and value’, Hermeneia 10 (2010) 66-77, 77 <http://hermeneia.ro/wp-content/uploads/2011/02/07_Bartel_2010.pdf> [krigen 21 febrewaris 2019].
  11. Jonathan Jones, ‘Contemporary art isn’t original – even copying has been done before’, The Guardian, 30 maaie 2014 <https://www.theguardian.com/commentisfree/2014/may/30/contemporary-art-isnt-original-marina-abramovic-row> [krigen 21 febrewaris 2019].
  12. ‘Over ons’, Sense of Place, g.d. <https://www.sense-of-place.eu/over-ons/> [krigen 21 febrewaris 2019].
  13. ‘The arts and tourism’, Tourism & More, oktober 2011 <http://www.tourismandmore.com/tidbits/the-arts-and-tourism/> [krigen 21 febrewaris 2019].
  14. Tarık Sengel, Ayşen Karagoz, Gurel Cetin, Fusün Istanbullu Dincera, Suna Mugan, Ertugrala en Mehtap Balık, ‘Tourists’ approach to local food’, artikel foar de World Conference on Technology, Innovation and Entrepreneurship, Procedia - Social and Behavioral Sciences 195 (2015) 429-437.
  15. Koen Pennewaard, ‘Kritiek: Friesland ontbreekt op 'iconische beurzen' ’, Leeuwarder Courant, 22 febrewaris 2019 <https://www.lc.nl/friesland/Kritiek-Friesland-ontbreekt-op-iconische-beurzen-24199129.htm> [krigen 22 febrewaris 2019].
  16. Chiranjivi Bhatta, ‘The role of arts in promoting tourism: A case of tourism development in Thamel Area’, Nepal Journals Online 3:1 (2016) 177-184, 180. <https://www.nepjol.info/index.php/JAAR/article/download/16627/13476> [krigen 21 febrewaris 2019].

Fers2 nû. 5.3, 10 febrewaris 2019

Slyp slyp!

image Fers2

It wie de ironyfrije dei op ’e Fers2-redaksje en dat kaam min út. Wy sieten by Okje yn it antikwariaat en liezen út it boek rjochtsûnder yn de útferkeapkast. ‘De útlannen beefden foar de jonge East-Dútske skriuwers’, stie der, Christa Wolf hie it ferteld en de sterke steatsorganisaasje fan de DDR-skriuwerij hie dêr alles mei te krijen. Want de steat hie in hiele protte foar de ûntjouwing en it prestiizje fan syn keunstners oer.Marilyn Sibley Fries, ‘Locating Christa Wolf: An introduction’, yn Marilyn Sibley Fries (red.), Responses to Christa Wolf: Critical essays (Detroit, MI: Wayne State University Press, 1989) 11-54.

Likegoed brochten dy yn ’e hjerst fan 1989 de aldergrutste demonstraasje yn de Berliner skiednis op gong. In wichtige eask wie it opheffen fan ’e sensuer dy’t nea bestie yn de Deutsche Demokratische Republik oant dy op 1 jannewaris 1989 ynienen opheft waard. De muorre foel net. Mar fiif dagen letter hie Politburo-wurdfierder Günther Schabowski net heard—en sei efterôf dat it boppedat ûnrealistysk west hie—dat de kommunistyske lieder Egon Krenz him opdroegen hie om it nijs fan de nije reisregeling te bewarjen oant fjouwer oere nachts, sadat de DDR-ynwenners yn ’e rige stean gean koene foar de nije útreisfisa. Dat al om in oere of sân jûns, op 9 novimber 1989, fertelde Schabowski op in parsekonferinsje kwiiskwâns dat de oerheid de reisrestriksje oer de West-Dútske grins ynlûke soe. In Bild-sjoernalist frege wannear’t dat krekt yngie en Schabowski stammere fan dalik. “Das trifft nach meiner Kenntnis ist das sofort, unverzüglich.” Binnen in pear oeren stiene der sokke dertene kloften foar de grinsoergongen dat de Grenztruppen abrupt gniisden om it konsept grins en alle omheechstutsen identiteitskaarten trochwiuwden. De friedlichen Revolution einige de DDR. De steatsorganisaasje fan de keunst gie noch troch.Joanna McKay, ‘The official concept of the nation in the former GDR: Theory, pragmatism and the search for legitimacy’, dissertaasje filosofy, London School of Economics and Political Science, 1995, Proquest, 2014 (UMI U074613), 278 et passim <http://etheses.lse.ac.uk/1376/1/U074613.pdf> [krigen 31 jannewaris 2019]. It ferskil wie dat de skriuwers har sels ôffreegje mochten wat se eins skriuwe soene.Matthias Bisupek, ‘Enemies of the people’, Xindex 43:2 (2014) 24-27. <https://doi.org/10.1177/0306422014535686>.

Earder koe dat ek. Mar soms koe in papiertekoart of oar praktysk dinkje it útjaan fan beskaat wurk yn ’e wei stean. De DDR-oerheid frege de skriuwers yn har Schriftstellerverband om mei syn allen te soargjen foar papier foar elkenien. Wie it papier op, dan hiene net allinne de útjouwers dy’t alle tekst earst nei de Zensor bringe moasten, no en dan op it Politburo sels, mar ek de skriuwers suniger wêze moatten. By need koe in skriuwer dy’t tocht dat syn boek samar net útjûn waard wol in berop op dat Schriftstellerverband dwaan, want inkeldris pakte dat saken fan ûnderstelde sensuer oan. Mar dat wie net faak en meastal sleau.Thomas William Goldstein, ‘Writing in red: The East German Writers Union and the role of literary intellectuals in the German Democratic Republic, 1971-90’, dissertaasje filosofy, University of North Carolina at Chapel Hill, 2010, Carolina Digital Repository, g.d. <https://cdr.lib.unc.edu/indexablecontent/uuid:e19fd943-0af2-4910-99f9-f97ef909a3f4> [krigen 31 jannewaris 2019]. Sa’t Timothy Garton Ash konkludearre hie de DDR-literatuer “niemals, weder individuell noch kollektiv, ihre Regierung in vergleichbarer Weise herausgefordert … wie ihre polnischen, ungarischen oder tschechischen Kollegen.”Timothy Garton Ash, “Und willst du nicht mein Bruder sein …” Die DDR heute, oers. Yvonne Vesper-Badal (Reinbek bei Hamburg: Rowohlt, 1981) 106. It liket derop dat de skriuwers har al út frije wil delleine by de waarnommen gefoelichheden en foarkarren fan de sosjalistyske partij, fier foar’t dy syn prinsipes sa iepenlik opkrong dat it wjerstân oproppe koe.

It liket Fryslân wol, seiden wy, noch altyd net iroanysk, en setten it boek werom op syn plakje yn de útferkeapkast.

Fryslân hat ek gjin sensuer. Mar is jo ynhâld net “zugehörig”, dan komt jo literêre tydskrift net yn ’e Fryske literêre kanon as “literêr tydskrift” mar as “kritysk platfoarm” en skriuwe se de namme fan jo blêd ferkeard, tink derom & lit dit in warskôging wêze, sels as jo blêd mar fan Fers2 hjit.Joke Corporaal, Zolang de boom bloeit: Korte geschiedenis van de Friese literatuur , 800-heden (DeGerdyk / Ljouwert: Bornmeer / Tresoar, 2018) 120.

Fryslân hat ek fuortsoarjende identiteitsissues. Dat naasjesteatsliteratuer echt bestiet is ommers net te ferdigenjen. Keunst, ynbegrepen literêre keunst, is der altyd wol, lykas dat der altyd leafde is of ferkâldenens of fanalles dat by minsken heart. Dêroerhinne, dus oer al it minskelibjen, tekenje wy op fredesûnderhannelingen naasjesteatsgrinzen. Dy grinslinen binne formaliteiten dy’t burokratyske gefolgen, mar net beslist kulturele gefolgen hawwe—kultuer = alle hâldingen, mieningen, tinkbylden en produkten fan minsken. De muorre om de DDR siet oars net iens yn de frede. Dochs setten se him del en dêrnei, dat wol sizze nei’t fan 1950 ôf de DDR-keunsten ûnder de Sozialistische Einheitspartei Deutschlands ressortearren en literatuer in sintraal bestjoerde sosjaalrealisme-yndustry waard, bleau it diskusjepunt de ûnôfhinklikens en de eigen identiteit fan East-Dútske literatuer. Hawwe en betsjûgje East-Dútske skriuwers in kategoarysk oare libbensûnderfining as West-Dútske?

No nee fansels; dat wat net paste by in top-down formulearre sosjaalrealistyske DDR-ferbylding wie yn retrospekt gewoan gjin wiere DDR-literatuer, lykas Bert Brecht. De saneamde Literaturstreit waard beslist yn it foardiel fan ien Dútsk artistyk erfskip: dy fan it fassisme.David Bathrick, ‘Productive mis-reading: GDR literature in the USA’, GDR Bulletin 16:2 (1990) 1-6. <https://doi.org/10.4148/gdrb.v16i2.959>. Noch pynliker wie de wierheid, dy’t útkaam nei it byinoar kommen fan East en West yn 1990, dat it byld dat de DDR-skriuwers it folk in hert ûnder der riem stutsen en har gewisse foarmen, ferfongen wurde moast troch it nije paradigma fan in foarkarbehanneling en prizen en pinsjoenen foar de brave DDR-skriuwers en har ôfsnijd wêzen fan it folk dêr’t se fan seiden yn te woarteljen.Thomas C. Fox, ‘Germanistik and GDR Studies: (Re)reading a censored literature’, Monatshefte 85:3 (1993) 284-294. Sjoch ek ‘Der deutsch-deutsche Literaturstreit’, Literatur in der DDR, 7 juny 2010 <https://ddrbuch.wordpress.com/2010/06/07/der-deutsch-deutsche-literaturstreit/> [krigen 31 jannewaris 2019]. It sêft setten fan de yntelligintsia—mei Christa Wolf as dwerse útsûndering dy’t arbeiderskriuwer bliuwe woe—makke dat dy hielendal de minsken net stypje koe, mar it systeem oankûske.Monica Munn, ‘To tell the truth?: The East German literary debate’, German Life, april/maaie 1996 <https://web.archive.org/web/20080201145953/http://www.germanlife.com/Archives/1996/9604_02.html> [krigen 31 jannewaris 2019].

De Fryske skriuwerij is by definysje anty-yntellektueel en antyelitêr, mar kin him tagelyk, want art pour l’art, net bejaan yn it sosjale libben en it aktuele omskarreljen fan it eigen folk.Simonetta Falasca-Zamponi, Fascist spectacle: The aesthetics of power in Mussolini's Italy (Berkeley / Los Angeles / Londen: University of Californai Press, 1997) 10. De output fan it FY skriuwerijrolmodel, de Dichter fan Fryslân, lit dat oertsjûgjend sjen—it iennichste ek dat it oertsjûgjend sjen lit—mei “Tinkend oan myn âlden en Auden” persoanlikeftige poésie parlante dy’t nearne spesjaal oer giet.Eeltsje Hettinga, ‘Winter’, Friesch Dagblad, 31 jannewaris 2019, C13. It ôfsnijen fan skriuwers fan har sosjale Dasein kin net oars as konsekwinsjes hawwe foar de eigenheid fan in literatuer. Wis kinne jo jo fêstklamme oan it taalargumint: dat de eigen taal fan Fryslân de literatuer syn eigenheid jout. East- en West-Dútslân diele ien taal, sa ferjitte jo efkes, as jo ea al wisten dat de Dútske taal twahûndertfyftich sprektalen ken, dat it inkeld mar om ien offisjele skriuwtaal giet: logysk dat der mei ien Dútsk mar ien Dútske literatuer wêze kin, beare jo. Mar stel, aanst is de Fryske taal fuort en prate alle Friezen gewoan Nederlânsk. Op it trochbrekken fan dat taboe nimme Salverda & Hoekstra ûnbedoeld en wierskynlik sûnder it te witten in foarskot as hja wat knoffelich útlizze wat Fryske literatuer is.

De Fryske literatuer is de literatuer fan in lytse minderheidstaal. Dy literatuer hat in eigenens, mar krûpt dêrnjonken ek op ’en nausten de Nederlânske literatuer oan, krekt sa’t de Fryske taal dat docht. Fryske skriuwers binne net allinne twatalich, mar ek biliterêr, as wy, krekt as Barokdichters, dat wurd sa brûke meie. Der kin praat wurde fan in dûbele struktuer: bekend wêze mei de Nederlânske literatuer en bekend wêze mei de Fryske. Dy twa beynfloedzje inoar en biede gelegenheid ta allerhanne ynteraksjes.Reinier Salverda en Eric Hoekstra, ‘Fryske literatuer, op oare wize lêzen’, It Beaken, 78:3/4 (2016) 185-189, 185 <https://pure.knaw.nl/portal/files/5744069/It_Beaken_79_2016_3_4_binnenwurk_spread_LT.pdf> [krigen 31 jannewaris 2019].

Dat fan dy barokdichters in in leagentsje, de falske pretinsjehaadletter B ferriedt dat al. Earst bestie der yn de santjinde ieu noch gjin proaza, dus giet it gewoan om barokskriuwers en barokliteratuer. Twad wie doe it dichtsjen yn alle talen de noarm en brûkten barokdichters neist Latyn allerhanne strjittetaal trochinoar, Dútsk, Italiaansk en neam mar op, en gie it harren om tûke en snjiddige retoryk ynstee fan de superieure behearsking fan de ‘memmetaal’.Aneta Pavlenko, Poetry in a second language: A language learning secret from the past, Psychology Today, 4 maaie 2016 <https://www.psychologytoday.com/us/blog/life-bilingual/201605/poetry-in-second-language> [krigen 31 jannewaris 2019]. Der wie ommers noch lang gjin nasjonalisme om de goeie memmetalen ôf te beakenjen en te fergodlikjen en de ferkearde memmetalen út te roegjen. Fierder is der lykwols wat foar te sizzen dat de Fryske literatuer ‘biliterêr’ is. Mar dat betsjut net mear dat as aansen it Frysk in dialekt fan it Nederlânsk is sa’t it Rotterdamsk dat is—wat sûnder ûnderwiis yn it Frysk en mei de omropfryslannifikaasje fan it Frysk net hiel lang mear duorje kin—wy ûntdekke sille dat der after all nea in aparte Fryske literêre identiteit bestie.

Fryske skriuwers ha ek privileezjes, prizen en pinsjoenen. De pinsjoenen komme yndirekt fia de sinekueres en earebaantsjes. De privileezjes en prizen komme like direkt as yn de DDR en dat sûnder dat de provinsje Fryslân in keunstbelied hat. De ryksoerheid hat dat wol, it Letterefûns is útfierder fan it rykskeunstbelied. Op belied+útfiering is geregeldwei krityk,Sjoch Bart Droog, ‘50 jaar Letterenfonds’, 1965-2015, Droog Magazine, 26 juny 2015 <https://www.bartfmdroog.com/droog/letterenfonds.html> [krigen 31 jannewaris 2019]. mar wat jo earst witte wolle is oft steatsbemuoienis de keunst überhaupt helpe kin. Is der in teoretyske rjochtfeardiging foar steatsûnderstypjen fan keunst, is de fraach.

Dat hinget der alderearst fan ôf hoe’t jo keunst en de steat definiearje. Mar wûnderlik is dat de flink libertêre oanfierder fan it Cato Institute (foar ekstreme laisser-faire: sa goed as gjin steatsyngripen yn it boargerlibben) en de kompromisleas Marxistyske kultuerfilosoof Georg Lukács inoar hjir fine. De ien seit dat oerheidsstypjen fan wat dan ek altyd oerheidskontrôle mei him meibringt, “That insight, of course, is part of our folk wisdom: ‘He who pays the piper calls the tune.’ ‘Who takes the king’s shilling sings the king’s song.’” En eat is gjin keunst as der in foarskrift- lit stean opdrachtaspekt oan sit.David Boaz, ‘The separation of art and state’, taspraak, Cato Institute, 3 maaie 1995 <https://www.cato.org/publications/speeches/separation-art-state> [krigen 31 jannewaris 2019]. De oar seit dat in skriuwer de yndividu syn eigenheid werjaan moat as útkomst fan dy syn needsaaklikerwize konfliktueuze sosjale omgong mei syn meiminske. Mar oplein sosjaalrealisme liedt net ta sa’n portret: “Good realistic detail often implies a judgment on these conflicts.”Georg Lukács, The meaning of contemporary realism (Londen: Merlin Press, 1963) 75. Yn beide teoryen liedt autoritêre, programmatyske kultuerpolityk net ta keunst.

De funksje fan de East-Dútske Schriftstellerverband wie eksplisyt kultuerpolityk. De funksje fan de Fryske kultuer-oerheidsynstelling Tresoar is dat ymplisyt. Teake Oppewal wurke omtrint 25 jier as koördinator literatuerbefoardering by Tresoar, mei it útgongspunt, sei er sels, dat de brede basis fan ’e literêre piramide fersterke wurde moast.Teake Oppewal, meidieling oan Friduwih Riemersma, op it Sirkwy Sympoasium ‘Fryslân en de Wrâld 2.0 - Jonge Friezen mei Kulturele Ambysje’, Ljouwert, 28 maart 2015. Dat de smelle top ôfwêzich want dea gien wie, op Aggie van der Meer nei dy’t fan ’t jier de Gysbert Japicxpriis winne sil, dus dat de piramide as ynherint stabile heechbou in min keazen metafoar wie, wiuwde Oppewal fuort mei syn bekende ruostfrije optimisme. As de bedoeling goed wie, i.e. it politike ideaal fan—nea definiearre— ‘algemiene tagonklikens’, dan kaam it mei de praktyk ek wol goed.

Is dat sa? Wy kinne, ynstee fan út in rjochtse, loftse of Fryskebewegersideology wei, de steat-keunstkwestje tagelyks beneierje út ’e faliditeit wei fan de rjochtfeardigingen dy’t oerheden jouwe as se tsjin neoliberaal en populistysk protteljen yn de keunsten stypje, al hoe dizich en byldsprakich dy rjochtfeardigingen faak ek binne: “Kunst verzet zich tegen stilstand. Als het land dreigt in te dutten, schudden kunstenaars het weer wakker.”Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip, ‘Cultuur in een open samenleving’, brief, Rijksoverheid, 12 maart 2018 <https://www.rijksoverheid.nl/binaries/rijksoverheid/documenten/rapporten/2018/03/12/cultuur-in-een-open-samenleving/Cultuurbrief2018.pdf> [krigen 31 jannewaris 2019]. Litte wy earst it beswier fan de Cato-oanfierder tekkelje, dat foarstanners fan steatsstipe foar keunst altyd en ivich foarbylden neame fan totalitêre rezjyms lykas Egypte. Net wier: ek Nederlân en de Feriene Steaten wurde neamd.Bygelyks Shawn Lent, Michael Feldman, Talia Gibas en Louise Geraghty, ‘The state: A friend indeed to artists in need?’, Createquity, 8 july 2016 <http://createquity.com/2016/07/the-state-a-friend-indeed-to-artists-in-need/> [krigen 31 jannewaris 2019]. Boppedat hawwe de measte oerheden protokollen dy’t útslute dat direkte oerheidstipe fan keunst, dus beurzen, der fia de keunstner in steatskeunstbelied trochdrukke: “Candidates for those funds are almost always subject to rigorous peer review, which ensures that the awards are based on merit, not on policy aims or on political favoritism.”National Endowment for the Arts, ‘How the United States funds the arts, 3th ed.’, (Washington DC: NEA, 2012) 3 <https://www.arts.gov/sites/default/files/how-the-us-funds-the-arts.pdf> [krigen 31 jannewaris 2019]. Mar bliken docht dat goeie bedoelingen gjin stân hâlde.

In conclusion, there do appear to be theoretical justifications for prospective government funding of art. The two strongest justifications seem to be those concerning the aesthetic environment and the moralizing effects of the arts. However, though these arguments are available, it is not clear that they should be acted upon. For they endorse the funding of only certain types of art. Government support for the arts guided strictly by these arguments may indeed disturb the structure of artistic production and perhaps destroy the art world as we know it.Noël Carroll, ‘Can government funding of the arts be justified theoretically?’, Journal of Aesthetic Education 21:1 (1987) 21-35 <http://www.hettingern.people.cofc.edu/Aesthetics_Fall_2010/Carroll_Government_Funding_of_Art.pdf> [krigen 31 jannewaris 2019].

Dus in goeie reden foar oerheidsstypjen fan keunst is der net. Dêrby hat in oerheid hielendal gjin direkt stypjen fan keunstners nedich om dochs op steatskeunst oan te stjoeren; yndirekt, troch it stypjen fan museums en poadia en ‘events’, wol dat ek bêst. Yn Europa wurdt it ûnderstypjen fan ‘brede’ of ‘wekkerskodzjende’ keunst, hoewol’t dy himsels prima rêdt op ’e merk en Oppewal it net drok hân ha kin, folle minder as yn de Feriene Steaten oan ’e private sfear oerlitten. Oerheden witte stikem al lang dat jo keunst wol in loftse hobby neame meie, mar net it skrassen fan stipe foar keunst útstelle moatte, en wol stiltsjes it popularisearjen fan ‘keunst’ ôftwinge kinne, mei blockbusters en struktureel jild foar popfestivals: “European politicians avoid attacking the arts for populist and opportunistic political gains. This is a taboo that is seldom, if ever, broken and the perpetrators generally only discredit themselves.”William Osborne, ‘Marketplace of ideas: but first, the bill: A personal commentary On American and European cultural funding’, William Osborne and Abbie Conant, g.d. (oarsp. publ. Artsjournal.com, 11 maart 2004) <http://www.osborne-conant.org/arts_funding.htm> [krigen 31 jannewaris 2019].

De keunstner dy’t net meigiet yn de dumbing down nei popkultuer mist in stik ynkommen. En de histoaryske alderearste betingst foar keunst is in minimale wolstân. En aldergelokst brekke no de lêste oeren fan de ironyfrije dei oan: in teoretyske rjochtfeardiging fan oerheidsstipe foar keunst is om keunstnerskip earlik te ferdielen oer de ekonomyske strata. Alle literatuer is middenklasseliteratuer. In autentike Lumpenproletariat-roman, in pear jier lyn yn Amerika, sûnder spoekskriuwer foar de—middenklasse-plus—útwreide taalkoade dy’t ûnmisber is foar it boekskriuwen, ûntbleate himsels dalik as marketingbedragerij: neat oars as middenklassewearden. Kultuerpolityk is net allinne it straffen/leanjen fan DDR-skriuwers sadat se sosjaalrealisme fabrisearje of fan Fryske skriuwers sadat se tagonklikens nettebreidzje. Kultuerpolityk is dat it tinken en hanneljen fan boargers in maatskiplik bewustwêzen en politike opinys fuortbringt dy’t sosjale, ekonomyske en wetlike werklikheden skeppe kinne.Claire Craig, ‘What is meant by “Cultural Politics?” By Prof Steph Newell’, DirtPol, 1 april 2014 <https://blogs.sussex.ac.uk/dirtpol/2014/04/01/what-is-meant-by-cultural-politics-by-prof-steph-newell/> [krigen 31 jannewaris 2019].

Sels as in oerheid net oan direkte keunststipe docht, dus skriuwers gjin jild en baantsjes jout en likemin oan yndirekte stipe, dus gjin bibleteken mear finansieret, alteast gjin bibleteken mei boeken ynstee fan ‘events’, dan noch kinne oerheden de literêre keunst organisearje, nammentlik mei propaganda—gjin irony; deadlike earnst. Ommers in oerheid kin, bygelyks in jier lang, romte yn alle lokale media keapje en dêrneist anonym eigen media ynstallearje en dan ûnder it mom fan ûnôfhinklike nijsfoarsjenning en ûnpartige ynformaasje… hiene wy al sein dat de minister fan Kultuer fan de DDR sois même boekbesprekken skreau foar kranten? Mar slyp slyp! Wy ha Lân fan Taal!

Noaten

  1. Marilyn Sibley Fries, ‘Locating Christa Wolf: An introduction’, yn Marilyn Sibley Fries (red.), Responses to Christa Wolf: Critical essays (Detroit, MI: Wayne State University Press, 1989) 11-54.
  2. Joanna McKay, ‘The official concept of the nation in the former GDR: Theory, pragmatism and the search for legitimacy’, dissertaasje filosofy, London School of Economics and Political Science, 1995, Proquest, 2014 (UMI U074613), 278 et passim <http://etheses.lse.ac.uk/1376/1/U074613.pdf> [krigen 31 jannewaris 2019].
  3. Matthias Bisupek, ‘Enemies of the people’, Xindex 43:2 (2014) 24-27. <https://doi.org/10.1177/0306422014535686>.
  4. Thomas William Goldstein, ‘Writing in red: The East German Writers Union and the role of literary intellectuals in the German Democratic Republic, 1971-90’, dissertaasje filosofy, University of North Carolina at Chapel Hill, 2010, Carolina Digital Repository, g.d. <https://cdr.lib.unc.edu/indexablecontent/uuid:e19fd943-0af2-4910-99f9-f97ef909a3f4> [krigen 31 jannewaris 2019].
  5. Timothy Garton Ash, “Und willst du nicht mein Bruder sein …” Die DDR heute, oers. Yvonne Vesper-Badal (Reinbek bei Hamburg: Rowohlt, 1981) 106.
  6. Joke Corporaal, Zolang de boom bloeit: Korte geschiedenis van de Friese literatuur , 800-heden (DeGerdyk / Ljouwert: Bornmeer / Tresoar, 2018) 120.
  7. David Bathrick, ‘Productive mis-reading: GDR literature in the USA’, GDR Bulletin 16:2 (1990) 1-6. <https://doi.org/10.4148/gdrb.v16i2.959>.
  8. Thomas C. Fox, ‘Germanistik and GDR Studies: (Re)reading a censored literature’, Monatshefte 85:3 (1993) 284-294. Sjoch ek ‘Der deutsch-deutsche Literaturstreit’, Literatur in der DDR, 7 juny 2010 <https://ddrbuch.wordpress.com/2010/06/07/der-deutsch-deutsche-literaturstreit/> [krigen 31 jannewaris 2019].
  9. Monica Munn, ‘To tell the truth?: The East German literary debate’, German Life, april/maaie 1996 <https://web.archive.org/web/20080201145953/http://www.germanlife.com/Archives/1996/9604_02.html> [krigen 31 jannewaris 2019].
  10. Simonetta Falasca-Zamponi, Fascist spectacle: The aesthetics of power in Mussolini's Italy (Berkeley / Los Angeles / Londen: University of Californai Press, 1997) 10.
  11. Eeltsje Hettinga, ‘Winter’, Friesch Dagblad, 31 jannewaris 2019, C13.
  12. Reinier Salverda en Eric Hoekstra, ‘Fryske literatuer, op oare wize lêzen’, It Beaken, 78:3/4 (2016) 185-189, 185 <https://pure.knaw.nl/portal/files/5744069/It_Beaken_79_2016_3_4_binnenwurk_spread_LT.pdf> [krigen 31 jannewaris 2019].
  13. Aneta Pavlenko, Poetry in a second language: A language learning secret from the past, Psychology Today, 4 maaie 2016 <https://www.psychologytoday.com/us/blog/life-bilingual/201605/poetry-in-second-language> [krigen 31 jannewaris 2019].
  14. Sjoch Bart Droog, ‘50 jaar Letterenfonds’, 1965-2015, Droog Magazine, 26 juny 2015 <https://www.bartfmdroog.com/droog/letterenfonds.html> [krigen 31 jannewaris 2019].
  15. David Boaz, ‘The separation of art and state’, taspraak, Cato Institute, 3 maaie 1995 <https://www.cato.org/publications/speeches/separation-art-state> [krigen 31 jannewaris 2019].
  16. Georg Lukács, The meaning of contemporary realism (Londen: Merlin Press, 1963) 75.
  17. Teake Oppewal, meidieling oan Friduwih Riemersma, op it Sirkwy Sympoasium ‘Fryslân en de Wrâld 2.0 - Jonge Friezen mei Kulturele Ambysje’, Ljouwert, 28 maart 2015.
  18. Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip, ‘Cultuur in een open samenleving’, brief, Rijksoverheid, 12 maart 2018 <https://www.rijksoverheid.nl/binaries/rijksoverheid/documenten/rapporten/2018/03/12/cultuur-in-een-open-samenleving/Cultuurbrief2018.pdf> [krigen 31 jannewaris 2019].
  19. Bygelyks Shawn Lent, Michael Feldman, Talia Gibas en Louise Geraghty, ‘The state: A friend indeed to artists in need?’, Createquity, 8 july 2016 <http://createquity.com/2016/07/the-state-a-friend-indeed-to-artists-in-need/> [krigen 31 jannewaris 2019].
  20. National Endowment for the Arts, ‘How the United States funds the arts, 3th ed.’, (Washington DC: NEA, 2012) 3 <https://www.arts.gov/sites/default/files/how-the-us-funds-the-arts.pdf> [krigen 31 jannewaris 2019].
  21. Noël Carroll, ‘Can government funding of the arts be justified theoretically?’, Journal of Aesthetic Education 21:1 (1987) 21-35 <http://www.hettingern.people.cofc.edu/Aesthetics_Fall_2010/Carroll_Government_Funding_of_Art.pdf> [krigen 31 jannewaris 2019].
  22. William Osborne, ‘Marketplace of ideas: but first, the bill: A personal commentary On American and European cultural funding’, William Osborne and Abbie Conant, g.d. (oarsp. publ. Artsjournal.com, 11 maart 2004) <http://www.osborne-conant.org/arts_funding.htm> [krigen 31 jannewaris 2019].
  23. Claire Craig, ‘What is meant by “Cultural Politics?” By Prof Steph Newell’, DirtPol, 1 april 2014 <https://blogs.sussex.ac.uk/dirtpol/2014/04/01/what-is-meant-by-cultural-politics-by-prof-steph-newell/> [krigen 31 jannewaris 2019].

Fers2 nû. 5.2, 27 jannewaris 2019

image Fers2

It docht bliken dat ik myn trui oer myn earm haw en net yn myn rêchsek. It liket noch waarmer as foarsein en blakstil, no om in oere of ien middeis. It is in medias res: ik draaf oer in parkeftich flak, want ik moat drave foar de draak. Ik wit net wêr’t ik bin, yn watfoar universum no wer. Op roai en goai sprint ik it iepen fjild skean oer. Myn damesgympys fiele net berekkene op mear as in urbaan drafke nei de trem. De grûn is histoarsyk gersleas en hurd en rûch, befolke mei klupkes drokke lju, sa stoned as wat, yn tanktops en tassel boots—is it in festival of sa; mar dêr hâld ik net fan. Hoesa hawwe de bern my meinommen hjirhinne, ien of twa of mear oeren fan Amsterdam ôf? En wêr binne se? Nearne te sjen. Se hawwe har al rêden wierskynlik, hooplik. Better net prakkesearje en myn siken leech hâlde. Fink trochdrave. Net mear omsjen oant ik fierderop yn it skaad fan in skuorre komme sil.

No is it gjin skuorre mear, mar in soarte iepen hal. Ek stean der gjin minsken mear op it fjlld, teminsten net as ik omsjoch. Gjin goed teken, wat it ek is dat der oan komt, dat my ha moat, net harren, my. Rin gjin rûntsjes, betink ik. Ha jo ienris súdwest keazen, hâld súdwest oan. Fluch nei de oare kant fan de hal, dan opnij besjen.

Jakkes, in sletten front gebouwen. Dêr stiet ien. In beam fan in keardel yn kobaltblau. Freegje.

“Hee! Hoe kom ik hjir út?”

Hy liket op myn âldkollega M, it outgoing, yntelliginte, ivich-jongeseftige type. Hy hat in flinterstrik foar syn strykfrij oerhimd, wat sil er switte, mar jou no antwurd en sjoch my net sa oan.

“Pardon, hoe kom ik hier—”

“Uit?”

“Ja. Fuort út dit. Terrein?”

“Kom,” mei twa-earmich royaal kom-gebeart en draait him al om, “loop maar achter m’ aan.”

Hy sjit fuort yn syn fierstente djoere kobalt siden pak en op syn glânzgjende ljochtbrune brogues mei sa’n tin learen soaltsje. Hy kin der ûnferklearber hurd op drave. Ik hingje trije meter efter him. Efter my bart eat. Tichter by de pseudo-M bliuwe. Wêr is er? Oriïntearje. It gebou is ûndúdlik, in âld sikehûs hast. Gongen mei skerpe hoeken. Ik hie de bern skilje moatten. Hjir kin gjin berik wêze. Sa hurd ast kinst oan ’e oare kant hjir wer út. Wêr is—M! Hee! Lofts. Nee rjochts, yn ’e hoeke fan in seal. Beferzen. Sis net dat wy fêstrûn bin hin? Mar hy raant in gat en stoot fierder. Sealen hawwe no foar- en efterdoarren. Miskien ha se it spesjaal sa boud foar my. Pseudo-M smyt de doarren iepen. Hy hat tink ik in kaart dy’t er tsjin de scanner oan goait. Avensearje, de doar moat net wer yn ’t slot falle foar’t ik myn gymp der tusken kwakke kin. No wurdt it tsjuster. Pseudo-M is net mear te finen. De flier is hjir wiet. Dat is net goed.

Dan is der wer deiljocht. It falt troch hege ruten op pseudo-M syn switplakken op ’e rêch. Hy lûkt in doar iepen en ynienen stean wy wer bûtendoar. It is sa’n selde iepen plak sûnder gers as foar’t ik him tsjinkaam. Der stean tsien minsken byinoar, guon wol hiel jong, 14, 16, mei drankflessen, wodka jimmer populêr, drinke sûnder bekerkes sa te sjen ek. In fanke mei in little ponyballon rûgelet hast fan har hakjes ôf. Net goed. Wy moatte hjir wei. Itselde paad werom, foar myn part. Kom.

Mar pseudo-M rint achteleas nei har ta. Hy stiet no neist in ûn­noazel gnyske mei in hege hoed en in wannabeeburd, skommeljend op earkes en ik tink in kilo drugs. Kom! Mar pseudo-M lûkt syn djoere jaske rjocht.

“Weten jullie of Ad Melkert al dood is?”

Wat? Sûch! Wat witte dy hopheads dêr no fan? En do yn dyn typstraklean, se tinke datst in cliniclown bist. Asjeblyft, drave!

*

Wy steane oan de oprit fan de sneldyk. Mei syn fiven, myn bern G en H en myn skoansoan M en myn geleafde A, en wy binne gjin lilliputters dus ik jou ús net in soad kâns dat wy mei syn allen in lift werom nei Amsterdam ta krije. G, H en M binne der frijwat fleurich ûnder en wolle my ek gjin details jaan oer de draak. Wy binne útnaaid, klear. It is skitterend moai waar en de bermen bloeie en it hite asfalt stjonkt nei appelsmots en der ride auto’s by’t soad. Miskien is it sneon.

In auto swinkt de flechtstripe op en rôlet kalm op ús ta. Ik kin it net leauwe. A achtet it rjochtfeardich. It is in gigantyske sulveren Tesla, ik wist net dat dy ek kamen yn sulvergriis en mei romte foar in extended family. De bestjoerder stapt út, as snapt er wol dat wy twivelje oft wy net yn in dream of in parallel libben bedarre binne.

“Hoi.” Werkennend, as hie er op ús rekkene, as hiene wy hjir in ôfspraak.

“Tank.”

“Mm. Asseyez-vous”

Sêfte stim. In diplomaat as ik my net fersin, ik ken him fan krant en ynternet, dat wol sizze, hy is swier en plodsk, as wie er op ’e prednison, mar fierder krekt René van der Linden. Hoe is it mooglik en dan moat ik noch by dy patser yn de auto ek.

H is al op ’e efterbank wipt en A op ’e passazjiersstoel en ik dan mar efter Van der Linden, dy’t wy om him ek wol René neame meie en dookje, seit er as er fuortriidt. Ik begryp net hoe’t jo mei jo fjouweren op ’e efterbank sa rom sitte kinne en net iens mei jo rêchsek op ’e knibbels mar gewoan op ’e flier. It is hjir in eigen systeem mei in eigen klimaat, faaks troch de airco of om’t it lûd fan bûten mar dizich en domp nei binnen komt, of om’t it sa skjin is, op ús nei dan, want it swit begjint no op te droegjen en falt as poeier op ’e beklaaiing.

Ik tocht nea dat René sa aardich wie. Net dat ik der ea by stilstien haw, want sympatyk wêzen makket net folle goed by in groep dy’t foarútbuorket troch dedusearjend makrotinken dat oan alle persoanlike gefolgen op grûnnivo foarbygiet. Mar dizze man yn syn te nauwe ljochtgrize simmerpak en smaakfolle boesgroentsje is freonlik. Miskien is er siik, mar hy wol net mei de dea op ’e drompel noch fluch fiif minuten humaan wêze. Dat is myn foaroardiel. De niget is oprjocht as er harket nei H har ferhaal oer har master­stúdzje militêre skiednis, dêr’t er neat fan ôf wit seit er, mar wol fan ynternasjonale relaasjes, sadat er, tink ik, nijsgjirrige fragen wit te stellen.

“Je zei net, als ik me niet vergis, dat dat een onjuiste visie is, en waarschijnlijk kan ik het met je eens zijn, hoor, maar laten we eens kijken, je zegt nu dat men onder bepaalde omstandigheden...”

Syn yntellektuele, meanderjende redenearjen, dat bewûnderje ik altyd, mar it makket no dat ik weidûzje. It lânskip is brún en ûnwerkenber. Neffens René binne wy mar in oerke fan Amsterdam ôf. Miskien is neigeraden de wrâld mear útdroeget dy mear gelikens en aspesifyk, oant der ien glêde stien oerbliuwt. Lit ik alert bliuwe.

A sliept tink. G sit op syn tillefoan te sjen. M sjocht mei en nokket en himt fredich. H anderet op de fragen fan René en dy giet dêr dan wer op yn. Hast hieltyd sit der in fertraging tusken H har wurd en syn weromwurd, sa’t dat bart ûnder it autoriden om’t de sjauffeur earst it ferkear efkes ôfhannelje moat. Of, feitlik, as by in captcha dêr’t jo, nei’t jo alle ferkearsboerdplaatsjes ôfkrúst hawwe en sels in djipfriesdopper wol sjen kin dat jo se allegearre ha, dochs noch wachtsje moatte op respons, om’t jo input tsjinnet om it algoritme fan ’e software te ferbetterjen. Want der is al in skoft gjin ferkear mear: allinne wy op in útstoarn griisbrún oerflak.

De A10 liket net op ’e A10 dy’t ik ken. Mar dat komt ek om’t er sa leech is, as hiene se him einliks ôfsletten nei in ferlern gefjocht mei Milieudefensie of om’t Máxima har dochters der autoriidles ha. H en René binne stil. Lofts komt no de brêge, dêr’t wy derút moatte, it lêste punt ek dêr’t jo stopje kinne en útstappe. Dan kinne wy sels de stêd wol yn rinne. Yep, komt goed, prima, hat René sein.

Mar hy riidt troch!

“Meneer! René! Ho!” ropt H as it eins al te let is om te stopjen. “We hadden er hier uit gemoeten. Vanaf nu kunnen we er niet meer uit, zie je.”

“O, no prob”, seit René, sûnder fertraging. Hy eaget efkes yn de efterútspegel, rimmet, jout in haal oan it stjoer en makket in wûnder fan in U-bocht dwers oer alle stripen, berm en gers, kreas tusken de beide fangreels. Binnen in sekonde binne wy aktive spoekriders.

A is wer wekker. G triuwt de tillefoan yn ’e boarstbûse. De Tesla is blykber sa ynsteld dat er fansels de flechtstripe opsiket mei tikjende alaarmlampkes. Want René wjirmet him yn myn rjochting, ja, hy is grou wurden, mei yn beide hannen in attasjeekofferke dat er efteryn ’e auto ha wol. Ik nim it fan him oan, mar wêr hie er it dan al dy tiid, op ’e skerte? Wêrom stoppet er net?

“Ik ga hier even links van de weg af”, seit er.

“Goed idee!” seit H. That’s my girl.

Nei 50 meter ûnferhurde útrit is der in heech yndustrysket mei in hikke dy’t by neier ynsjen iepen stiet. In ein keatlik bongelet los. René set de noas fan de Tesla derop en triuwt de hikke iepen, mei in rûtine dy’t seit: dit hat er earder dien. It liket in kreake krimpdoarp, Ruigoord-eftich. In lyts ploechje minsken stiet op ’e dyk, sechstigers, manlju dy’t begripe dat jo mei tropysk waar better in jurk oan ha kinne mar dy net mei élégance drage, froulju mei strânhuodden. Ut in klimatisearre auto stappe, de hitens yn, is nea in feest.

Mar René rint ûnferwacht kwik op de lju ôf.

“Weet u of Ad Melkert al dood is?”

*

Earst kâld wetter drinke, ha wy besletten. Wy sitte oan in houten pikniktafel yn in eardere stâl, A foar my oer en ús mem neist my. De bern binne der net. Mar G syn reade rêchsek stiet op ’e tafel mei wat lege fuortsmytbekers deromhinne. Us mem hat tee, sjoch ik, yn delikaat porslein. Ik wit net hoe’t se deroan komt, der is hjir gjin stroom of gas. Mar se hat sa har hypnotisearjende senioaresjarme, witst. Se praat no mei A oer Orhan Pamuk, dy’t in kreaze man is, en oer hoe’t se altyd gûle moat as se Nâzım Hikmet lêst. A knikt. Hy ek, wa net, mar ek om My Father’s Suitcase, do net mem?

Omkoalen, ha neat yn ’e gaten, ús mem net en A net, ek al rûkt it hjir bedoarn-swietich en is it wetter net echt kâld. Wy ha net in protte tiid mear. Ik moat ynbrekke yn it petear.

“Ha jimme dat heard niis?”

Mem prutst oan it gehoarapparaat. A wriuwt mei de middel­finger oer de boppelippe, wat er altyd docht as er mei de holle yn in oare ieu sit: “Wa-at?”

“Hin?” seit ús mem en sjocht A oan.

“Harkje no efkes!” sis ik, te noartsk. “Dit is net goed. Twaris tsjin lju dy’t der neat fan witte kinne, at dy Melkert al dea is: wy sitte yn in njonkenwrâld. Njonkenwrâld! Dit is net yn ús wrâld!”

A dikeret earst egaal nei myn wetterbekerke en begjint dan lûd te laitsjen. Us mem gniist blier mei.

“Stel dy net sa oan”, seit A.

Mem taksearret my. Sis no dat ik gelyk haw, miske! En kom oerein! Mar se keart har nei A en seit, wat healhertich nei myn smaak: “Moast har net sa útgnize.”

A sjocht my guodlik oan. De hân alwer op ’e boppelippe.

Fers2 nû. 5.1, 13 jannewaris 2018

Berltsum opnij besjoen

image Fers2

De iennichste nijsgjirrige literere 2018-barrens wiene Ypie Haitsma en yn septimber de útjeften tagelyk fan Letters from Max Ritvo en Ritvo syn noch ûnpublisearre gedichten—hy stoar yn 2016—yn The final voicemails (beide by Milkweed; keapje se), dat hast ûnbehindere troch literêr sjeny rôlen wy ús Winterruhe yn.

Mar ien dei foar kryst, de iiskast fol en ús liiflike ritmes larghissimo, kundiget kweker A.C. Hartman yn Seisbierrum oan dat 57 fan de 110 personielsleden dien krije. Foar wa’t de sifers goed folget kaam dat faaks net ûnferwacht. Want it Belgyske memme­bedriuw fan Hartman late al jierren miljoeneferliezen. Heal july 2018 foel it oandiel dêrfan yn in heale dei mei tritich persint, nei’t it Europeeske fiedselagintskip EFSA it bedriuw yn ferbân brocht mei njoggen deaden en ytlike siken as gefolch fan de listeriabaktearje—krekt letter wiisde ûndersyk út dat der gjin ferbân wie—sadat de sifers foar 2018 opnij miserabel wêze soene. Mar wisten wy folle: dy gigantyske finansjele tebekslach by it memmebedriuw yn België soe gjin konsekwinsjes ha foar Hartman yn Seisbierrum, sei de Hartmandirekteur tsjin de Ljouwerter krante. De Ljouwerter krante frege net fan hoe komst derby.

De Ljouwerter krante libbe doe al in skoft yn goedbetelle naïviteit, út reden fan it “Vind de leukste evenementen voor Glastuinbouwbedrijf A.C. Hartman in sexbierum. Leeuwarden-Fryslân 2018.” Irony is in ûnsmaaklike karakterisearring. Sa brút wie it ferhaal.

Makket net út wat der efter de skermen foarfoel yn de kassen fan Kwekerij Hartman, yn april en maaie 2018, lyk foar de beursfal. De Europeeske kulturele haadstêdshow ‘Lost in the Greenhouse’ moast trochgean. Yn harmony mei ús tanimmend nasjonaalpopu­listyske EU-projekt wie dat patriottysk en diskriminearjend teater. Net allinne bylde it de ‘Poalske’ haadfiguer like stereotyp en leechlizzend ôf as Dokkum de net-blanke minsken en net-leauwigen, ek spile in Nederlânske akteur de rol fan de Poal. It is mar al te bekend dat it opliedingsnivo fan bûtenlânske wurknimmers út Poalen heech is, om’t Poalen lege-opliedingswurk by ’t soad hat (sa’n soad dat de smoarchste banen der nei Oekraynske arbeids­migranten geane), mar jonge akademisy inkeld takomst ha as se in eigen bedriuw oprjochtsje kinne en dêrfoar it begjinkapitaal byinoar sparje yn de kassen, sadat dêr hiel wat arsjitekten, juristen, regiseurs en akteurs omrinne. Mar it jout de kulturele haadstêd mear cachet as dy harren sjen lit as primitive ‘sy’ foar it sivilisearre Fryske ‘wy’ oer: as nettsjinsteande gelikense soarch miswoeksen kasplantsjes dy’t foar eigen goederbêstens de konsumint mar better net berikke kinne, yn kaskwekersjargon—en wêrom dreech stinne oer in marketable titel van de event—oantsjut as de loss yn ’e greenhouse.

Ein juny 2017 ferkocht, frij ûnferwacht foar net-insiders, de âlddirekteur en eigner fan kwekerij Hartman, Wim Hartman, syn bedriuw oan de Belgyske kweker-T-rex & sjampinjonman Deprez. TúnderijfakblêdenLykas FreshPlaza en Hortidaily. neamden dat in rasjonele oername, sjoen de finansjele swierrichheden yn de glêsbou yn ’t algemien en by Hartman yn ’t bysûnder. Deprez wist fansels fan dy noed, mar woe yn benammen de keatling nei Albert Heijn tichtsje.‘Produce heavyweight Hein Deprez buys Hollands largest organic pepper grower’, FreshPlaza, 30 juny 2017 <https://www.freshplaza.com/article/2178137/produce-heavyweight-hein-deprez-buys-hollands-largest-organic-pepper-grower/> [krigen 9 jannewaris 2019]. It jild dat Hartman net hie en ek gjin hoop mear op hie, foar de útwreiding fan syn kwekerij mei 110 hektare, dat jild dat Deprez der wol foar ha soe, dat jild bestie net; Deprez wachte op eksterne finansiering. Boppedat woe er it kommerlike Hartman earst flot lûke foar’t er oan in nij projekt—útwreiding—begûn. Doe kamen by Hartman nuveraardichheden foar ’t ljocht. De bedriuwsresjersje tocht dat âlddirekteur Wim Hartman fraude begien hie: 900.000 euro út it bedriuw yn eigen bûse stutsen. Hartman makke in ein oan syn libben.

Al dy tiid lykwols, hâldt deputearre fan Ekonomy Sander de Rouwe, mei syn gebrûklike realiteitssin fan in heroïnejunk mei in tientsje, út dat Hartman 110 hektare ekstra oankeapje sil. Nee. Fansels net. Hoe soe dat moatte? “Triest nieuws”, seit De Rouwe op 24 desimber oer de ûntslaggen dy’t falle, “een klap voor de streek.” Dat der yn dy streek en oare glêsboustreken minsken wenje falt bûten it berik fan syn prefrontale korteks—gau oer nei Berltsum.

Jan en Frâns Zeinstra fan it kasbedriuw Greenhouse Dili yn Berltsum stean mei har petret op elk trostomatebakje fan de Albert Heijn: mei de charismamacht fan bleu gnizend, min skeard en yn wurkklean, in macht dy’t De Rouwe net benei komme kin, sels al wie er echt de diktator fan Fryslân. De Zeinstra’s setten har ek yn foar fatsoenlike wenten foar har arbeidsmigranten. Dat is net gewoan. Nederlân ken in flinke dakleazens ûnder arbeidsmi­granten. Troch in kombinaasje fan temin wenromte foar minsken mei tydlike banen en âlderwetske VOC-útrûpelpraktiken ken it ek, al wurde it hieltyd seldsumere ekssessen, noch altyd húsfêstings­skandalen lykas fyftjin bewenners yn in trijekeamerappartemint.Sjoch bygelyks de Nationale verklaring tijdelijke huisvesting EU-arbeidsmigranten, Rijksoverheid, 2012 <https://www.rijksoverheid.nl/onderwerpen/nieuw-in-nederland/documenten/richtlijnen/2012/04/11/nationale-verklaring-tijdelijke-huisvesting-eu-arbeidsmigranten> [krigen 9 jannewaris 2019].

Mar wy hawwe de Zeinstrabruorren. Dy helje har personiel by in bonafide útstjoerburo foar arbeidsmigranten, VZM. Dat is ferantwurdlik foar it sûn en feilich húsfêstjen fan syn útstjoer­krêften en keapet dêrom fjirtjin nijbouwenten, yn akkoart mei de gemeente. Gemeenten binne bûn oan ’e Nasjonale Ferklearring húsfêsting arbeidsmigranten fan 2012, om genôch fleksibele wenromte foar arbeidsmigranten te bieden. Dogge se dat net dan kinne se op de fingers tikt wurde troch it ryk,Nationale verklaring tijdelijke huisvesting EU-arbeidsmigranten, ‘Huisvesting arbeidsmigranten’, Rijksoverheid, g.d. <https://www.rijksoverheid.nl/onderwerpen/nieuw-in-nederland/huisvesting-eu-arbeidsmigranten> [krigen 9 jannewaris 2019]. sa’t lêsten bard is mei Medemblik,Medemblik maakt inhaalslag met huisvesting arbeidsmigranten, Medemblik Actueel,23 novimber 2018 <https://www.medemblikactueel.nl/2018/11/medemblik-maakt-inhaalslag-met-huisvesting-arbeidsmigranten/> [krigen 9 jannewaris 2019]. om’t it Europeeske frije ferkear fan persoanen de reële frijheid om jin dêr te fêstigjen ûnderstelt. Gemeente Waadhoeke stelde al foar de fusy fan de dielgemeenten, en dêrûnder Berltsum, in mienskiplike wenfisy op en stjoerde dy nei de minister,Gemeenten Frjentsjeradiel, it Bildt, Menameradiel, Ferwerderadiel en Huurdersvereniging De Bewonersraad Friesland‘Prestatie-afspraken wonen Waadhoeke 2017-2021’, brief oan de minister fan Ynlânske Saken, g.d. [2015] <https://www.wonennwf.nl/_library/12606/prestatieafspraken%202017-2021%20WNWF%20-%20Waadhoeke.pdf> [krigen 9 jannewaris 2019]. prachtich dus. Op 20 maaie 2018 beskreaunen wy yn Fers2 hoe’t it ôfrûn mei de fjirtjin knappe wenten foar arbeids­migranten yn de nijbouwyk De Pôlle yn Berltsum.

FNP-er Sijbe Knol wolle jo net ûnder jo trostomaten oantreffe. Dat is net om’t er in stik minder fotosjenyk is as de Zeinstra’s. Dat is om syn tekst:

De FNP is foar my de partij wer nei jongerein harke wurd en der ek wat mei dien wurdt. Wy meie grutsk wêze op ús provinsje en gebrûken. Goedkeape en beskikbere (duorsume) wenningen foar jongerein en kultuer en sport binne spearpunten wer ik my hurd foar meitsje.‘Raadslid Sijbe Knol - Berltsum’, FNP Waadhoeke, g.d. <https://waadhoeke.fnp.frl/nederlands/over_ons/fractieleden/3/> [krigen 9 jannewaris 2019].

Hân yn hân mei it dúdlik mankearjende aktive bewustwêzen, ynbegrepen selsanalyse en -refleksje, komt faak in grut personalisme. Alles wurdt field as in oanfal op it ik en der is famyljetinken en in koloniale mentaliteit. Mar tink net dat de FNP negatyf stiet foar riedsleden mei in breklike ik-skepsis oer! Wolnee, de FNP waard ûnferwacht populêr yn de nijbouwyk De Pôlle doe’t riedslid Knol evangelisearre waard troch de hagelnije fiifmans­bewennersferiening—de wyk wie noch yn oanbou en hiel tin bewenne—fan blûne, blau-eagige earste hûsskeapers dy’t troch de finansjele crash van 2007 letter oan bar kamen foar in eigen went oan it wetter as dat se sels earlik achten en fansels net begripe woene dat de skuld fan dat ûnearlike wachtsjen lei by deselde aardige banken dy’t har krekt in fette hypoteek jûn hiene, fral om’t der oaren kamen te wenjen dy’t alle lange kringelpaden samar ôfsnijden en in went yn de skurte smiten krigen! Mei Knol foar de karre begûn de bewennersferiening har misje om alle mooglike arbeidsmigranten út de wyk te kearen. Lang leve de FNP, fan je hyp hyp hyp hoeree!

De wethâlder fan gemeente Waadhoeke, Nel Haarsma fan it CDA, gie deryn mei. Net allinne hearre wy fan it CDA selden wat negatyfs oer krústochten tsjin kweadebisten, ek giet de populariteit fan it CDA ûnder boeren en túnkers omdel, al jierren. Dat it CDA ferkent graach nije doelgroepen, lykas hjir de nije NIMBYs. Wat de gemeente die wie sa briljant dat wy mei de anekdoate al mannich jierdiesfeestje opfleurd ha: it ferskerpe sûnder te oerlizzen mei it arbeidsmigrante-útstjoerburo VZM, dy’t al lang huzen yn de wyk kocht hie, de regels foar bewenning troch arbeidsmigranten. VZM wist net iens dat it maksimumtal bewenners fan seis nei fjouwer gien wie—wat nammers inkeld foar ‘Poalen’ gou; gewoane gesinnen mochten mei safolle wenje as se woene.

Hanthavenje is lestich fansels. Oer in ûnsichtbere fleanende robot dy’t Poalske toskeboarstels telt beskikte de Waadhoeke net, mar ek binne dy ferbean om de privacy. Dus wat die de gemeente, dy frege oan de boarger om te klikken as se saken seagen dy’t har yn striid liken mei de nije maatregel. Om fierder sjen te litten hoe serieus de gemeente de gefoelens fan de hânfol húskeapers naam, mochten dy oerlêst melde by de gemeente, net de plysje. It holp. Al dalik, maaie 2018, lei de earste melding op de matte. Haarsma kundige oan te kontrolearjen. Dat wie praktysk en juridysk—wilens ûndersocht Tûmba de nije maatregel op diskriminaasje—net te dwaan. En ein septimber kundige se it kontrolearjen wer ôf. Mar as de hûn fan Pavlov flybjend troch it belrinkeljen, sprongen dêr de bewennersferieningen oerein. Yn novimber sei Haarsma fan sorry foar it fersin en dat se dochs kontrolearret. Omrop Fryslân gie yn Berltsum de dyk op:

Veel mensen snappen niet wat er nu precies is besloten of waarop precies gehandhaafd wordt. Omwonenden die dat wel weten, zijn heel duidelijk in hun mening. Of ze merken geen overlast van arbeidsmigranten, of juist wel.‘Huisvesting arbeidsmigranten houdt meeste Berltsumers niet bezig’, Omrop Fryslân, 14 novimber 2018 <https://www.omropfryslan.nl/nieuws/848824-huisvesting-arbeidsmigranten-houdt-meeste-berltsumers-niet-bezig> [krigen 9 jannewaris 2019].

Ergo, hokker swierrichheid oft it belied oplost is de boarger net dúdlik. Likemin kinne de Fryske media fertelle, al sit benammen Maria Del Grosso fan de LC derboppe op, wat it oerheidsyngripen yn Berltsum ferbetterje wol op sosjaal of ekonomysk mêd, of hokker groep oft it beskermet en stimulearret mei it each op sosjo­ekonomyske foarútgong. Faaks wit de lokale oerheid net dat de hiele reden en rasjonale fan oerheid en belied is om ymperfeksjes rjocht te lûken dy’t de frije merk, respektivelik de kristlike god net oplosse kinne, resp. wolle. Miskien ha se premier Rutte op teefee sjoen en tinke no dat oerheid der is om nije ûnfrijheid, ûngelikens en ymmoraliteit te skeppen. Mar noch folle yrrasjoneler flonkerje FNP en CDA yn it ljocht fan nije kennis—kennis dy’t wethâlder Haarsma tsjinje moatten hie, want ‘wist ik net’ is op har nivo in min ekskús, as fûnemint foar prudint steatsmanskip, dus ta strategysk, effektyf en rjochtfeardich belied :(

Om te begjinnen warskôget in faak-sitearre Trouw-ûndersyk dat jo arbeidsmigranten net keare kinne, om reden fan it frije ferkear fan persoanen yn ’e EU, en dat wat guon gemeenten dêrom entûsjast dogge, nammentlik allerhanne regels opstelle om húsfêsting fan East-Europeeske arbeidsmigranten ‘yn goeie banen te lieden’, diskriminatwaar en ûnproduktyf is. Johan van der Craats fan it ekspertisesintrum Flexwonen, de kennis- en adfysorganisaasje dy’t oprjochte is mei de Nasjonale Ferklearring húsfêsting arbeidsmigranten, seit dat gemeenten fral gjin konsintraasjes fan East-Europeanen wolle. “Niet te veel Oost-Europeanen in één woning, niet te veel ‘Polenhuizen’ in een straat en geen grootschalige locaties waar honderden arbeidsmigranten bij elkaar wonen.” Mar alternativen biede gemeenten net, seit er; krekt dat is problematysk. Yn april 2018 wurken der 400.000 Midden- en East-Europeeske minsken yn Nederlân en wie der in tekoart fan 100.000 plakken foar East-Europeanen. “Maar alleen begrenzen werkt niet. Treedt de ene gemeente strenger op, zie je het probleem elders groter worden. Dan krijg je een waterbedeffect.”Cindy Cloin, ‘Gemeenten weren Polen en Roemenen’, Trouw, 3 april 2018 <https://www.trouw.nl/samenleving/gemeenten-weren-polen-en-roemenen~a4aca51b/> [krigen 9 jannewaris 2019].

Paul de Beer, dy’t hiel wat ûndersyk dien hat nei arbeids­migraasje, Anita Stockmeijer en Jaco Dagevos fûnen dat lang net alle East-Eurpeeske arbeidsmigranten wer nei hûs ta gean nei’t se hjir ien langere perioade wurke hawwe, mar yn Nederlân bliuwe. De oan it (plôk)seisoen bûne sirkulêre migraasje, dêr’t elkenien it oer hat, komt hast net foar: de ‘Poalen’ ferdwine net nei in hiel tydlik kontrakt wer om krekt it jier dêrnei opnij hiel tydlik te wurkjen yn Nederlân. Se binne hjir lang. Se gean faak hielendal net mear werom. It belied moat dêrom ek rjochte wêze op yntegraasje fan East-Europeanen en op permaninte fêstiging.Anita Stockmeijer, Paul de Beer en Jaco Dagevos, ‘Beleismakers, de Oost-Europese arbeidsmigranten blijven’, Sociale Vraagstukken, 14 april 2018 <https://www.socialevraagstukken.nl/beleidsmakers-de-oost-europese-arbeidsmigranten-blijven/> [krigen 9 jannewaris 2019]. Sadree’t se yn Fryslân wurkje, moatte se behannele wurde as lykweardige Friezen en net as ‘Poalen’.

Ferfollen de arbeidsmigranten yn 2016 al ien op ’e tweintich banen yn Nederlân, har oanpart sil yn de kommende jierren allinne mar grutter wurde, berekkene SEO Onderzoek Economie. Dat komt om’t ús ekonomy oanlûkt en om’t nei 2021 ús beropsbefolking krimpt. De arbeidsmigranten binne fan ûnmisbere ekonomyske wearde om de beropsbefolking op nivo te hâlden, om’t se ekstra wurkgelegenheid bringe en produksje en ynkommen. Feitlik kinne wy aanst net mear sûnder arbeidsmigranten, seit SEO, en wy kinne net sinnich wêze en ‘Poalen’ dy’t twaris sa ambisjeus en trije kear sa heech oplaat binne as wy út ús boargerwykjes keare. Nederlân oerlibbet ekonomysk inkeld en allinne as it in oantreklik fêstigings­lân bliuwt. Op dit stuit is benammen húsfêsting in probleem, sa giet de konklúzje, ien dy’t fluch oplost wurde moat.Arjan Heyma, Paul Bisschop en Cindy Biesenbeek (SEO Onderzoek Economie), De economische waarde van arbeidsmigranten uit Midden- en Oost-Europa voor Nederland, Amsterdam, april 2018, In opdracht van de ABU <https://www.abu.nl/stream/seo-onderzoek-de-economische-waarde-van-arbeidsmigranten-uit-midden-en-oost-europa-voor-nederland> [krigen 9 jannewaris 2019].

Mar ja: oerlêst. Eh, oerlêst? Wonen Noordwest Friesland húsfêstet tydlike arbeidskrêften yn Seisbierrum en Berltsum, yn 2015 mear as fyftich wenten en yn 2016 sa’n tritich: “In de praktijk zijn er geen bewonersproblemen na het – rechtstreeks – huisvesten van deze woningzoekenden.”Wonen Noordwest Friesland, Jaarverslag 2016, 51 <https://www.wonennwf.nl/_library/13222/Jaarverslag%20Wonen%20Noordwest%20Friesland%202016.pdf> [krigen 9 jannewaris 2019]. Ut ûndersyk witte wy dêrneist dat de oerlêst dêr’t elkenien it oer hat o sa tafalt om’t de measte arbeids­migranten 70 oeren yn ’e wike swier wurkje sadat it fersoargjen fan oerlêst har net goed slagget,Sam de Voogt, ‘Oost-Europese arbeidsmigrant is te druk met werk om rond te hangen’, NRC, 16 april 2018 <https://www.nrc.nl/nieuws/2018/04/16/te-druk-met-werk-om-rond-te-hangen-a1599631> [krigen 9 jannewaris 2019]. of hielendal net bestiet. Jonge tydlike arbeidsmigranten kinne yndie nochal leven meitsje, mar dy groep is lyts en ferdwynt nei it plôkseisoen wer en der is gjin relaasje tusken har libbenens en kriminaliteit en/of bewiisbere en strafbere oerlêst; har gedrach is itselde as Nederlânske jongerein en de ferskillen dy’t men sjocht berêste op diskriminaasje. Poalske arbeiders drinke relatyf in soad bier, mar dêr fernimme jo neat fan.Rekenkamercommissie Hillegom, Lisse en Noordwijkerhout, ‘Verkennend onderzoek EU-arbeidsmigranten’, maaie 2017 <http://www.rekenkamercommissie-hln.nl/dynamic/media/2/documents/Onderzoeken/2017/20170508-Verkennend-onderzoek-arbeidsmigranten-versie-Hillegom.pdf> [krigen 9 jannewaris 2019]. Oer oerlêst yn Berltsum is noch altyd neat bekend: net wat de grutte en it profyl binne fan de oerlêstjaande groep, noch wat de konkrete knyppunten en swierrichheden binne. O wacht, ja dochs:

Ik kan dan nog amper parkeren.

Ik wil dat onze kinderen met vriendjes en vriendinnetjes kunnen spelen.

We willen geen isolatie. Dat moet voor de arbeidsmigrant zelf ook heel eenzaam voelen.‘Huisvesting arbeidsmigranten houdt meeste Berltsumers niet bezig’, Omrop Fryslân, 14 novimber 2018 <https://www.omropfryslan.nl/nieuws/848824-huisvesting-arbeidsmigranten-houdt-meeste-berltsumers-niet-bezig> [krigen 9 jannewaris 2019].

Ik. Ik. We. Mar wolnee gjin eigenbelang hear, wier net: de arbeids­migrant moat opsodemiterje om’t dy him dan sels better fiele sil. Karakteristyk foar de nimby—not in my back yard; oantsjutting foar bewennersferset tsjin (foarnommen) ûntjouwing yn har lokale omkriten—is de war dy’t de nimby-buorlju dogge om harsels te ferskjinjen fan morele skuld en de trochgeande litanyen oer fielde of ferwachte oerlêst. Kom no, se binne gjin minne minsken en diskriminearje net, se uterje inkeld mar har noed oer losse gefolgen. In kultivearre nimby-buorman, tink oan FNP-riedslid Knol, rint lûd oer fan begrutsjen mei de doelgroep dy’t syn ûnderlizzende neden achteleas oan ’e kant skood sjocht. Mei rjocht wiist Ronald Bakker fan ekspertisesintrum Flexwonen derop dat net praktyske of sosjale problemen, lykas parkearplak of iensumens, de húsfêsting fan arbeidsmigranten yn it paad stean, mar nimbyisme.

Het lijstje wordt steeds langer. Aan vluchtelingen, windmolens en telefoonmasten lijkt nu ook de werknemer die hier tijdelijk bijspringt om het werk gedaan te krijgen - ook wel arbeidsmigrant genoemd- toegevoegd te zijn aan het begrip NIMBY - Not In My Back Yard.‘Opinie Ronald Bakker: ‘Arbeidsmigranten verdienen geen NIMBY-houding’’, Expertisecentrum Flexwonen, 23 septimber 2018 <https://flexwonen.nl/opinie-ronald-bakker-arbeidsmigranten-verdienen-geen-nimby-houding/> [krigen 9 jannewaris 2019].

Doe’t se in pear jier lyn har huzen oan ’e strjitstiennen net slite koene wiene se mar al te bliid mei de fraach om wenromte foar ‘Poalen’ en de snoade húsopkeapers dy’t foar in grypstoer de ûnferkeapbere huzen opkochten. Mei it oanlûken fan de húzemerk ûntstie der in probleem. Dat wie net om’t de merk de húsfêsting regelet en de merk blyn en amoreel is, sa’t Bakker syn kollega Van der Craats al opmurk. It kaam om’t de oerheden dy’t feitlik aktyf it maatskiplik ferantwurdlik ûndernimmen ûnderstypje moatte, sa’t de Zeinstra’s dogge mei eigen wenfoarsjenning en begelieding fan har personiel, it fierstente drok hiene mei it fluitsjen fan laisser faire. Yn in wrâld dominearre troch jild sykje oerheden ferwyldere nei wearden, makket net út hokker. Ynstee fan as oerheid tsjin diskriminaasje, in morele kwestje, in dúdlik ôfwizend stânpunt yn te nimmen, bedarje se as fansels by de betsjinning fan lege mienskips­sentiminten en it optinken fan diskriminearjende wenfisys en net te hanthavenjen symboalbelied. Dêrby ferbynt de Waadhoeke in nayf en sentiminteel personalistysk polityk ûndernimmerskip mei in rücksichtlos lytsboargerlik ekshibisjonisme fan selssucht—immen moast dochs de skuld krije fan de mankeminten fan it neoliberalisme? Sorry foar de Poalen.

Noaten

  1. Lykas FreshPlaza en Hortidaily.
  2. ‘Produce heavyweight Hein Deprez buys Hollands largest organic pepper grower’, FreshPlaza, 30 juny 2017 <https://www.freshplaza.com/article/2178137/produce-heavyweight-hein-deprez-buys-hollands-largest-organic-pepper-grower/> [krigen 9 jannewaris 2019].
  3. Sjoch bygelyks de Nationale verklaring tijdelijke huisvesting EU-arbeidsmigranten, Rijksoverheid, 2012 <https://www.rijksoverheid.nl/onderwerpen/nieuw-in-nederland/documenten/richtlijnen/2012/04/11/nationale-verklaring-tijdelijke-huisvesting-eu-arbeidsmigranten> [krigen 9 jannewaris 2019].
  4. Nationale verklaring tijdelijke huisvesting EU-arbeidsmigranten, ‘Huisvesting arbeidsmigranten’, Rijksoverheid, g.d. <https://www.rijksoverheid.nl/onderwerpen/nieuw-in-nederland/huisvesting-eu-arbeidsmigranten> [krigen 9 jannewaris 2019].
  5. Medemblik maakt inhaalslag met huisvesting arbeidsmigranten, Medemblik Actueel,23 novimber 2018 <https://www.medemblikactueel.nl/2018/11/medemblik-maakt-inhaalslag-met-huisvesting-arbeidsmigranten/> [krigen 9 jannewaris 2019].
  6. Gemeenten Frjentsjeradiel, it Bildt, Menameradiel, Ferwerderadiel en Huurdersvereniging De Bewonersraad Friesland‘Prestatie-afspraken wonen Waadhoeke 2017-2021’, brief oan de minister fan Ynlânske Saken, g.d. [2015] <https://www.wonennwf.nl/_library/12606/prestatieafspraken%202017-2021%20WNWF%20-%20Waadhoeke.pdf> [krigen 9 jannewaris 2019].
  7. ‘Raadslid Sijbe Knol - Berltsum’, FNP Waadhoeke, g.d. <https://waadhoeke.fnp.frl/nederlands/over_ons/fractieleden/3/> [krigen 9 jannewaris 2019].
  8. ‘Huisvesting arbeidsmigranten houdt meeste Berltsumers niet bezig’, Omrop Fryslân, 14 novimber 2018 <https://www.omropfryslan.nl/nieuws/848824-huisvesting-arbeidsmigranten-houdt-meeste-berltsumers-niet-bezig> [krigen 9 jannewaris 2019].
  9. Cindy Cloin, ‘Gemeenten weren Polen en Roemenen’, Trouw, 3 april 2018 <https://www.trouw.nl/samenleving/gemeenten-weren-polen-en-roemenen~a4aca51b/> [krigen 9 jannewaris 2019].
  10. Anita Stockmeijer, Paul de Beer en Jaco Dagevos, ‘Beleismakers, de Oost-Europese arbeidsmigranten blijven’, Sociale Vraagstukken, 14 april 2018 <https://www.socialevraagstukken.nl/beleidsmakers-de-oost-europese-arbeidsmigranten-blijven/> [krigen 9 jannewaris 2019].
  11. Arjan Heyma, Paul Bisschop en Cindy Biesenbeek (SEO Onderzoek Economie), De economische waarde van arbeidsmigranten uit Midden- en Oost-Europa voor Nederland, Amsterdam, april 2018, In opdracht van de ABU <https://www.abu.nl/stream/seo-onderzoek-de-economische-waarde-van-arbeidsmigranten-uit-midden-en-oost-europa-voor-nederland> [krigen 9 jannewaris 2019].
  12. Wonen Noordwest Friesland, Jaarverslag 2016, 51 <https://www.wonennwf.nl/_library/13222/Jaarverslag%20Wonen%20Noordwest%20Friesland%202016.pdf> [krigen 9 jannewaris 2019].
  13. Sam de Voogt, ‘Oost-Europese arbeidsmigrant is te druk met werk om rond te hangen’, NRC, 16 april 2018 <https://www.nrc.nl/nieuws/2018/04/16/te-druk-met-werk-om-rond-te-hangen-a1599631> [krigen 9 jannewaris 2019].
  14. Rekenkamercommissie Hillegom, Lisse en Noordwijkerhout, ‘Verkennend onderzoek EU-arbeidsmigranten’, maaie 2017 <http://www.rekenkamercommissie-hln.nl/dynamic/media/2/documents/Onderzoeken/2017/20170508-Verkennend-onderzoek-arbeidsmigranten-versie-Hillegom.pdf> [krigen 9 jannewaris 2019].
  15. ‘Huisvesting arbeidsmigranten houdt meeste Berltsumers niet bezig’, Omrop Fryslân, 14 novimber 2018 <https://www.omropfryslan.nl/nieuws/848824-huisvesting-arbeidsmigranten-houdt-meeste-berltsumers-niet-bezig> [krigen 9 jannewaris 2019].
  16. ‘Opinie Ronald Bakker: ‘Arbeidsmigranten verdienen geen NIMBY-houding’’, Expertisecentrum Flexwonen, 23 septimber 2018 <https://flexwonen.nl/opinie-ronald-bakker-arbeidsmigranten-verdienen-geen-nimby-houding/> [krigen 9 jannewaris 2019].