In hânfol sân…

Hindrik J. Brouwer - Fers2 nû. 2.6, 20 maart 2016

t Sân streamt my stadich

tusken de fingers troch,

kinst it net keare.

Troch helder wetter

snjitte fiskeliven,

wêr gean’ se hinne?

Dizige dagen –

hast is de koeke op,

swiet binn’ de brokjes.

It skaad wurdt langer

it wie in lange reis

de doar stiet iepen.

’t Skipke mind’ret feart

yn ’t sicht fan de haven -

hast binne wy thús.

Bern op myn skerte –

eachjes sjogge my oan:

wa bistó dan wol?

Haikû’s

Hjoed en takomst

Hindrik J. Brouwer - Fers2 nû. 9, 26 april 2015

*

de michjes dûnsje

fiere har koarte libben

en it is in feest

*

blêd op it wetter

swemt op de weagjende stream

nei syn bestemming

*

silend nei de kym

dêr’t nimmen fan weromkomt

hoopj’ op in wûnder

*

Fûl flamjend sinljocht

brekt yn dimmene daudrup

ien pronk fan kleuren

Mear fan Hindrik J. Brouwer

Ik bin Ik rin troch de smelle gongen; / kasten, kasten, links en rjochts
In hânfol sân ’t Sân streamt my stadich/ tusken de fingers troch,/ kinst it net keare.
Hjoed en takomst Fjouwer Haikû’s