image aggie van der meer

Proaza

Heech spul

Aggie van der Meer - Fers2 nû. 2.18, 20 novimber 2016

Op de dei dat sé-piper S. registrearre waard ûnder de namme Stavanger ED 05032 hie hy himsels ferlern. It wie 8 augustus.

Hy wie Jack Rappa. Oant dy moarn ta hie it libben him tewille west, witten wat in trochsneed man takomt en him tweintich jier tebek Beth taskikt. Beth: noch altyd mear in ferrassing as in garânsje. Hawar.

*

Mar no. De man tsjinoer him yn ’e spegel koe him net fertelle wat der te rêden wie. Frege nei it bekende paad. Wat net holp omdat dat paad no krekt út sicht wie.

Tsja. Jack suchte. Hy wie himsels dus kwyt en de earste fraach hie dus wêze moatten: woe er himsels werom ha? Wat soe er der mei winne en, fraach twa, wie it saak út te sykjen wêr’t er ergens wêze koe? Hoe slim soe it wêze as er himsels op ’e fiskale slûprûte kwyt rekke wie? En wa krige him dêr op, of skode him oan ’e kant omdat er yn it paad lei. Hy kaam der no even net op wat it slimste wêze soe.

De man tsjinoer him rette oan it effen op syn berin te litten.

‘Rin even in slachje om, Rappa,’ sei er, ‘kom eefkes ta jo sels. Sorry.’

*

Rappa, foar safier’t er de bekende Rappa wie, konsintrearre him, yn ’e wyn op, op de sé-piper. It wie saak de dingen net los fan elkoar te sjen. ‘Ferbining,’ sei er. Dat joech hâldfêst. Lykas Sajet dat joech. Sajet dy’t de hûn utliet.

‘Ha jo wat mei dy Trump?’ sei Sajet

‘Trump?’

‘Ja dy.’

‘Dy frou fan him kin der noch altyd net oer út.’

‘Nee.’

‘Jo ek net?’

Nee, hy ek net.

Sajet wist neat fan in sé-piper. Hie er wat mist? ‘Sit jo wat dwers, Rappa?’

*

Dat Beth har eigen namme, Visé, oanhâlden hie, siet him dwers. Dat kaam der dus noch by. By alle ûnrêst en ûnwissens fan dy dei.

It wie wol wer in lytse gerêststelling dat Beth, nei it journaal, ferlet fan frisse lucht, der, as alle dagen, gewoan wer efkes út gie. In anker. In hâldfêst. Se seach wol wannear’t se werom wie. En hy dus ek.

Dat er letter net fernaam dat Beth har, wer thús, yn in folslein nije setting presintearre, wie minder moai. Alhoewol…

*

Se hie - in ynjouwing? in foarbeskikking? - omheech sjoen. Op it dak fan ’e skoalle hie se har ûntdutsen: twa manlju. Merde. Gjin fersin, gjin twifel: de Serafs fan Knausgard. Se sei net ‘Knausgard kin my noch mear fertelle.’ Nee, se skrille.

Dat wie noch krekt efkes foardat de needsaak fan grûnhâlden har berikte. Dit wie wichtich omdat de oanlûkingskrêft fan de twa, dat hie se al earder meimakke, formidabel wêze koe.

Net te begripen hoe’t twa manlju op in dak, jo - waarslach by heldere himel - yn har macht krije kinne. Se hoege allinnich mar te sjen, te swijen en moai te wêzen, sa’t se dêr stean; kersrjocht, stjoerd - mei eigen ynstimming, of op eigen fersyk - helje se de tawizen proai, dy dus, sy dus, Beth Visé, binnen. Gjin oerlis, gjin fragen, amper in knikje. Selsfoldien. Kinne se har, mei alle rêchdekking, permittearje. Sykje mar in rol yn it spul, sizze se. Dat sizze se net, dat seine se oer luchtlaach sân. It kin ek acht wêze. De regels? Dy makket elk, ûnder en boppe, sels. Net mei Swaab oankomme. Gjin spulbrekkers. En wat as it net akkordearet? Pan, healwei, de wyn ta stoarm opblaast, ta earnewjukken?

*

Beth - moai dat it noch simmer is en dat it koarten fan de dagen it tinken befoarderjet - wachtet bûten op ’ee ûle, groetet him en giet, wat kalmer no, op hûs oan, dêr’t har man himsels noch net wer fûn hat. Falt it op? Net daliks. Pas de oare moarns, optein wekker wurden, is se bang mei in ûnbekende de nacht fierd te hawwen. Bang? Bisto it Jack? Eins net.

It spul giet de loft yn.

Klankboerd

Aggie van der Meer - Fers2 nû. 2.19, 4 desimber 2016

Dat de hûn fan Sajet earder fan Jeroen Bosch west hie, fersmiet Sajet daliks net. De Sajets hienen al ieuwen deselde hûn. ‘Dus,’ sei Sajet, ‘slút ik it net út.’ Nee, papieren hie er net. Mar der moast ek wat te rieden oerbliuwe. Hie se dat heard fan dy manlju dy’t jûns de fisken opheine oan ’e ein fan ’e nije fisktunnel? Nee. Dy manlju kamen sa hiel wat te witten oer de geheimen fan it fiskelibben. ‘Soks,’ sei Sajet, ‘wurdt, as faker, fan in gelok in ferlies. Want, sei ien fan dy manlju: as wy dy fisken trochha, wêr prate wy dan noch oer.’

Wie Sajet it dêrmei iens?

Sajet wie it dêr folslein mei iens.

Koe hy dy man?

Nee, Sajet hie it út de Ljouwerter.

Se soe by Sajet foarearst net mei dy twa op it dak oankomme. Dy hâlde se noch even foar harsels. Ek doe er de oare deis dochs noch mei de krante kaam. Hie er út de âldpapierkoer opfandele. Dat oer dy fisken. Nee, hy hoegde him net werom. Ja, in bakje kofje soe moai wêze. ‘Allinnich is mar allinnich,’ sei Sajet, ‘mar gelokkich is der altyd wat. It spoarûnderhâld tusken Ljouwert en Harns set bygelyks de hiele Berenloop fan sneon op losse skroeven. Wisten dy fan de Berenloop derfan? Eins net. De top hie it yn alle gefallen net berikt. Dus dat is dan samar wer in hiel o’heden. En dat is dan noch mar ien lyts berjochtsje yn ’e Fryslân-bylage. Set dêr de wrâld ris tsjinoer.

‘Trump, dus. Of dy oare.’

Ek doe krige Sajet neat oer de twa serafs mei te wolkom thús.

*

As it safier kaam dat sy mei de twa manlju op gelikense hichte in pear wurden wikselje koe, soe se ien of beide nei har miening freegje oer reden en nut fan de Reformaasje. As in soart test. Yn hoefier se as serafs gewichtige en oerstallige dingen ûnthâlden hienen.

Ofhinklik fan it resultaat dêrfan soe se har in passende rol oanmjjtte yn it stik dat se mei-inoar spylje moatte. Graach of net.

Hoewol’t it wat eigenwiis like, se oppasse moast dus, harsels yn ’e gaten hâlde, begûn se dochs te tinken oan in útferkiezing.

*

Foardat it earste bedriuw spile wurde koe, kaam der ferlet fan in akseptabel sicht op har ûnferwachte nije relaasje mei de man dy’t altyd noch lústere nei de namme Jack. MInsken wolle oersjoch en greep op de dingen ha. Op ‘en doer wie it iten en sliepen, mei in man dy’t syn frou wer it hof makke, en in frou dy’t alle nachten mei in heale bekende op bêd gie, útsein sjarmant, ek bewurklik. En dus….

Omdat sy har appel hiel hâlde, begûn hy. Earst mei in beskuldiging, dêr rekkene se al op. Manlju meie der graach fan útgean dat, as der wat mis is, it net oan har leit. Soms is dat ek sa. It smyt foar beide it measte op as sy him dan gelyk jout en it dan letter wer werom nimt, wyls hy noch neigenietet.

Okay. To the point. Hie sy him net leard om tichteby himsels te bliuwen? Allegear moai en dierber en súksesfol, mar, dat hat er der, al dwaande ûntdutsen, as collatoral damage by krigen: wat tichter jo by josels komme, wat minder je hearre. No wie dat yn ít húslik ferkear noch net sa slim, it measte wie lytsjild en oars wol te rieden, mar yn syn kommersjele universum kin er it him net tastean om tagelyk mei in wurd ek de boat en de dêrop folgjende oansluting te missen. Dat wie doe’t Julia Kooiker him op ’e feiling in slach foar wie. Dus makke er, sûnder neitinken de ferbining tusken himsels en syn klankboerd los.

‘Dat hast wat te rimpen dien,’ seit se, begrypfol. ‘Fraach is dus wat no oerbleaun is. Wat fan dy hjir tsjinoer my sit en straks by my op bêd leit.’

Hy is bang dat er himsels, ûnbeskerme, kwytrekke is. Dat er ferwaaid, ferstood is. Der dus in klankboerd oerbleaun is. ‘Dêr moatte wy it mei dwaan,’ sei er en gûlde in bytsje.

Dêr wie er dus bang foar? Se hâlde noch like folle fan him. Miskien noch wol mear as earst.

‘Twa fragen,’ seit se, ‘kinst der no earst mei libje en slagget it om as klankboerd de kost te fertsjinjen.’

‘It soe tafalle kinne,’ seit er, ‘hiele groepen rêde har der mei. Betelle en al. En yn de natoer, Beth? Giet it dêr oars?’

‘Hast dat sels betocht? As klankboerd dus?’

‘Ja.’

‘Dan is der hoop,’ seit se, ‘Ik rêd dy, Jack, ik meitsje in figurant fan dy yn in spul dêr’t ik ien fan de haadrollen op my nimme sil.’

Achterôf soenen se dit petear as de Ynlieding op it drama beskôgje.

De murmurearders; doel en nut

Aggie van der Meer - Fers2 nû. 3.1, 15 jannewaris 2017

image aggie van der meer

Foardat der skot kaam yn it Spul, wie der earst noch de ûntdekking fan Jack. Hy hie, totaal ûnferwacht en der net op tarieden, in stikje fan himsels weromfûn. It probleem wie dat it by Julia Kooiker om ’e hals hinge. It wie net sa dat hy it daliks werkende, Julia wiisde him op it medaljon dat hy har yn in hjitte hei jûn hawwe soe: in dierber stikje fan him, sei se, dat se, oft it tusken har no oan wie of net, de rest fan har libben koesterje soe.

*

Wat moat in man mei in kostber besit yn in sletten paradys?’ sei Jack tsjin it boerd dat de fraach letter pas wer yn ’t sin kaam, fanwege in melding út Stavanger: Hjir Stavanger: Nûmer EC O5O35 in wike lyn passearre. Fanwege neier ûndersiik yn ferbân mei it trochbrekken fan de lûdsbarriêre troch objekt, is it berjocht net earder frijjûn.

It lûd fan it laden fan in Dúts gewear dat doe folge wie net mis te ferstean: ‘Dit is it teken, Jack, dat no alles op skerp komt te stean. Aksje, Jack, set Don op syn hurdst.’

‘Don?’

‘Sa neame we dy no, do yn dyn rol as boerd. Set Don yn ’e sprekstân. Wy moatte de serafs noch even yn de kûlissen hâlde foardat se op it idee komme dat de haadrol har takomt. Dus, Jack, skeakel Don yn.’

Nei trije kear mis, hie Jack Don yn ’e startblokken.

‘Los,’ sei Jack.

Beth: ‘Goemoarn, hjir Beth Vere, Stasjonsstrjitte 2, Bergen. Berjocht foar EC 05035, yn Stavanger registrjearre as in ûnbekend objekt. Yn Bergen werkend as twa Serafs. Foarstel: oerlis om 19.00 oere achter it roasarium Christiaanspark.

Tolve sekonden letter, it spannen fan it Dútse gewear. Amper te hearren. Hawar.

‘Sneu,’ seit Beth, ‘nei it Paradys noch net in soad byleard, de kommunikaasje mei de wrâld ferrint dus noch altyd mei geweld, driigjen mei en oankundigjen fan geweld. Oersichtlik wol. De fraach oft de kontakten dy’t se mei ús ha wolle, yn de kategory ‘ferskiningen’ thúshearre, litte wy noch even oan syn lot oer, Jack.’

‘Ik hear wol,’ seit Jack, ‘slaan it op.’

*

‘Belje ik buorman Sajet ast foar tsjuster net thús bist?’ seit Jack. ‘Gewoan oer de tillefoan?’

‘Nee, Dat wurdt it soart betizing dat wy no net ha kinne.’

‘Set ik Don oan?’

‘Goed, set Don mar oan.’

Krekt bûten, hearde Beth it skot. Raak. In ein. It wie net de skutter dy’t se oeren letter achter it Roazarium op it bankje by de Appelfeart trof, it wie de oare.

Oft it sa moast, mei gewearskotten? Se wiene even yn ‘e kunde kommen, hiene knikt, hannen op ’e rêch. Freonlik wol. ‘

‘Ja,’ sei de seraf, dy’t him sûnt ieuwen rêde mei de namme Armond Rede. It gewear hie er krigen. Krigen? Krigen, ja, fan in âlde Gryk, ien fan de konkurrinsje. Tiden feroarje.’

‘Ha jo even tiid?’

‘Ja, ik ha thús allinnich in klankboerd dat Don hjit, mar eins Jack is.’

Dêr seach Armond wol even fan op. Beth liet it der by. Net te rju mei konfidinsjes.

‘Goed,’ seit Beth, ‘ta de saak. Gjin klucht, in tema, in doel en beide kanten har eigen regels, dy’t ûnder it spyljen net sûnder ynljochtsjen feroarje wurde meie. En noch in fraach: is it gewear wilens ûntladen?’

‘Moai.’

‘It gewearskot hat mei ús rebelly te krijgen. Dy sit ús noch farsk yn ’e kop. Nei einleaze tiden fan sjonge op hiele noaten en boadskippen op lege briefkes fregen wy om in opdracht

‘Wy?’

‘Ja, Belial en ik,’ sei Armond.

‘Dat koe?’

‘Amper. As wy út dwersens út it koar stapt wienen, hie it boppe in ferlegene boel wurden.’

‘Jim akkordearren?’

‘Ja, sneons sjonge wy dus noch mei en prate har dan even by. Se wolle boppe no ynienen witte oft it tiid wurdt foar in oare strategy,’ seit Armond.

‘Se wolle witte wat se ferkeard dien ha,’ seit Beth, wat tasjitliker no.

Sajet bellet op har mobyl. ‘Sprek mar even yn.’

In mobyl soe handich wêze,’ sei Armond.

Jaja, earst marris sjen.

‘Of jim,’ seit Armond.

‘De man of trochinoar?’

‘Trochinoar, ja,’ sei Armond, ‘oars komt der gjin ein.’

‘By jim is it fansels in kwestje fan tagelyk, allaluja op ien hichte, mei twa wurden sprekke en út deselde boarden ite. Ik, bygelyks,’ seit Beth, ‘haw in man dy’t himsels kwyt is en in strjitte fierder wennet Co dy’t fol is fan himsels, yn kombinaasje mei alles wat er der bykocht hat. Of nommen. Dûbel fel hat er dus ek.

‘Tsjong,’ seit Armond, ‘Ynteressant. Wat krije wy as wy foar twa minsken útgean fan ien as jo man en dy Co?’

‘Stel it dy sa foar,’ seit Beth: ‘in ûnúteachbere mannichte, har deljûn op in einleaze sânflakte, moarns in kaakje, sneins, nei wat bidden, soms belein mei in brette kwartel en, as der in foarlêzer is, it âlde ferhaal oer de wûndere tocht troch de Reidsee. De stimming yn de dagen tusken de iene snein en de oare hat syn útfallen.’

‘Mar trochinoar?’ seit Armond.

‘Trochinoar in sacht murmurearjen,’ seit Beth, ‘ferûngelike berêsting.’

‘Berou?’

‘Dat soenen jim graach wolle?’

Armond soe der boppe nei fernimme.

*

It earste petear, dêr’t ek Belial oer mei kedize hat, smyt it folgjende op:

1. Undersyk nei nut en needsaak fan de mannichte, dy’t fierder giet ûnder de namme De Murmurearders, sadat ynset en doel fan it mienskiplik spul fêstlein wurde kin.

2. Under, set Elias Canetti yn.

3. Boppe komt mei Elias de profeet.

4. Under en boppe regelje elk apart de moeting.

5. De sketten ein is foar Beth te wolkom thús.

EIN

Mear fan Aggie van der Meer

Ferjitten it net herinnerjen De djipsee wit syn plak, libbet mei it tij en hâldt him oan syn grinzen.
De Normale Fries 6: Tsjinstimmers Jui hie belle om oan te kundigjen dat se der oan kaam. Mei in sek joadekoeken.
De Normale Fries 5: Kontaktmomint ‘Jui is fan betinken dat de Normale Friezen tinke dat se frij binne, wyls se bang is dat dat ferbylding is.’
De Normale Fries 4: Lit it mar even gewurde Oft sy noch wat heard hie oer dat byld fan dy frou fan Eja Siepman van den Berg dy’t se yn ’t Hearrenfean út in parkje stellen ha?
De Normale Fries 3: In Spesifike man Hie ik de foto sjoen fan dy man dy’t himsels by de kiel griep?
De Normale Fries 2 Se hie it sjoen, ja. In moaie kop boppe in royale heale side yn ’e Ljouwerter ûntkomt je net gau …
Dogeman VIII As Owe it ek in idee fynt komt Afke moarn mei. Dat wie it foarstel fan Jane. Oft it de muoite wurdich wie, hie Owe frege.
Dogeman VII Owe hat fan ’e moarn it boekje der by. Der meie har yn ’e tizige dagen dêr’t se yn bedarre binne neat ûntkomme.
Dogeman VI Wat Owe fertelle koe - Jane hie de jas noch oan - wie dat dominee Wouters by Dogeman oanbelle hie en der troch dyn ‘Mona Lisa’ ynlitten wie.
Dogeman IV Dy oare,’ seit Jane, ‘net Lilian, dy trof ik fan ’e moarn, hat wat fan Mona Lisa.’
1 2 3