image Kom ta de saak, Gysbert!

Opiny

Kom ta de saak, Gysbert!

Friduwih Riemersma - Fers2 7.1, 21 maart 2021

Op 11 maart, yn ’e middei kaam it hege wurd derút. It prize­reglemint fan de Gysbert Japicxpriis, mailde de deputearre fan Kultuer ús: dat bestiet net.

Fers2 hie dat reglemint net fine kinnen. Tresoar hie it net. Fers2 frege it dêrom op by de provinsje. Dy hie ús in saaknûmer jûn, mar gjin reglemint. Ek kaam der in opinystik yn ’e krante fan de—nei alle gedachten—gearstaller fan de sjuery fan ’e Gysbert Japicx­priis. De gearstaller ferdigene syn kar fan de sjueryleden. Hy die dat lykwols mei fjouwer arguminten dy’t fan rjochten net ta de saak dogge—de fiver om te fiskjen is lyts, jo kinne net alle jierren deselde minsken freegje, guon minsken wolle net yn ’e sjuery en “men wol de ferhâl­dings plesierich hâlde”—en in ûnwierheid: it sjuery-gearstallen is “in taak foar Tresoar allinne.” Om it ûntbrekken fan rillevante redenen wy ha ús opfreegjen fan it reglemint doe dalik omset yn in fersyk mei in berop op de Wet iepenbierens fan bestjoer, de Wob.

Want as immen in sjuery gearstalt foar de foarnaamste literêre priis foar de Fryske literatuer, en hy kin as gearstaller net ien goede reden neame wêrom’t er krekt dy sjuery útkeazen hat en net in oarenien, moatte wy dan net fleanende hurd sykje om foarskriften dy’t doelrjocht, ûnderboud hanneljen stipulearje?

Jawis! Regels en foarskriften skoarje it sjuerygearstallen en beskermje de funksje fan gearstaller om’t dy troch sichtbere regels syn kar solide ferantwurdzje kin oan it publyk; in publyk dat no skeptysk bliuwt. Want der is gjin jildich provinsjebeslút boppe wetter kommen dat bepaalt dat literêr sintrum Tresoar de Gysbertsjuery gearstalt. Wy kinne feilich oannimme dat sa’n beslút net bestiet. De sjuerygearstaller wie ek net oan Tresoar ferbûn doe’t er de sjuery oan de provinsje foardroech. Dy ûntrochsichtichheid docht de goede namme fan de Gysbert Japicxpriis skea en is min foar it draachflak fan de priis.

PERSBERICHT

11 maart 2021

Gysbert Japicxpriis al jarenlang uitgereikt zonder reglement

De hoogste onderscheiding voor de Friese literatuur, de Gysbert Japicxpriis, wordt uitgereikt zonder reglement.

Gedeputeerde van Cultuur Sietske Poepjes erkent, in antwoord op vragen van Fers2, dat een reglement nog opgesteld moet worden. De regels zijn niet zoekgeraakt; ze bestaan niet.

In opdracht van de provincie Fryslân, eigenaar van de tweejaarlijkse prijs, organiseert historisch en letterkundig centrum Tresoar de prijsuitreiking. Maar Tresoar heeft als uitvoerende organisatie nooit over een uitvoeringsregeling beschikt.

Volgens een woordvoerder van Tresoar is een reglement de verantwoordelijk­heid van de provincie, waarover Tresoar enkel kan adviseren. Dat doen zij “dan ek al in moai skoft.” Tresoar gebruikt een Verordening voor de hoofdlijnen van de (9) provinciale prijzen. Gedelegeerde regelgeving, die ingaat op de uitvoering – kandidatuur, beoordelingscommissies en beoordeling – ontbreekt.

Het gevaar hiervan is de discretionaire bevoegdheid van Tresoar: het gevaar van willekeur. Een opiniestuk van een oud-Tresoarbestuurslid bevestigde dit onlangs (LC, 25-02-2021).

De recentste Verordening Provinciale Prijzen, van 25 november 2015, verplicht de overheid om regels en voorschriften voor de uitreiking van de Gysbert Japicxpriis te bepalen. Artikel 3.2 luidt: “Gedeputeerde Staten stellen voor de adviescommissies per prijs een reglement vast.”

In de vorige Verordening, van 26 mei 2003, zei artikel 10: “Provinciale Staten machtigen Gede­puteerde Staten om een uitvoeringsregeling van de voorliggende verordening vast te stellen.”

Maar die regels kwamen niet voor het voetlicht. De provincie-webpage ‘Provinciale prijzen – Reglement’ bevat geen reglementen. Er staat slechts: “Meer informatie over het reglement volgt binnenkort.” De webpage is gepubliceerd op (ten laatste) 20 september 2020.

Literair tijdschrift Fers2 heeft de provincie Fryslân verzocht om het reglement van de Gysbert Japicxpriis bekend te maken, met een beroep op de Wet openbaarheid van bestuur. Ook wil Fers2 weten hoe lang de provincie de prijs al uitreikt zonder reglement.

Bovendien vraagt Fers2 om regels voor de samenstellers en de samenstelling van de Gysbert-jury. Hoewel dit jaar uitlekte wie de jury aanwees, is het samenstellen van de Gysbertjury’s, inbegrepen de functies die geautoriseerd zijn tot jurysamenstellen, het best bewaarde geheim van de provinciale prijzen.

Het ontbreken van een reglement en de geheimzinnigheid rond de jurysamenstelling schaden de status van de prijs. In het literaire veld zijn grote zorgen gerezen over de onzorgvuldigheid waarmee de provincie omgaat met de Gysbert Japicxprijs.

-------------------------- ----- Onderstaande is niet voor publicatie! ----- --------------------------------

Fers2. It bêste tydskrift sûnt De Fryske Húsfreon.

www.fers2.eu

Voor meer informatie:

Friduwih Riemersma, Boomstraat 32d, 1015 LC Amsterdam

020 693 86 31, ynfo@fers2.eu

Doe’t ik lyts wie wisten wy net wat de kafétaria yn syn frika­dellen die. Wy wisten net wêr’t de kleanwinkel syn spikerbroeken wei hie. Wy wisten fansels noch folle minder fan wat de wearden en idealen fan de CEO wiene. Mar dat is no feroare. Wy sitte yn it ynformaasjetiidrek. Minsken wolle in oerheid en ynstellingen dy’t kommunisearje. Kleare prosedueres en trochsichtich belied binne essinsjeel foar betsjuttingsfol engaazjemint fan it grutte publyk.

Dêrneist hawwe keunstners it rjocht om te striden—en sille hieltyd de barrikades op—foar harren rjochten en foar bettere ekonomyske en sosjale of sosjaalartistike kondysjes, lykas good governance. Troch it beskermjen fan dy rjochten giet in keunstner der finansjeel op foarút, wurdt mear maatskiplik wurdearre en fersterket syn of har legacy èn de legacy fan it fjild en fan Fryslân.

Boppedat is achttjin jier lang net de útfieringsregels meitsje, dêr’t de eigen feroardering de provinsje ta ferplichtet, in blamaazje. It is heech tiid en kom ta de saak, provinsje!

Mear fan Friduwih Riemersma

I hate to say I told you so Oer Kulturele autonomy fan Pier Boorsma
De macht fan de harker: It oeuvre fan Jaap Veenstra Yn 1986 komt der in lyts read dichtbondeltsje út
Unwittenskiplik en propagandistysk Skôging fan De Friese identiteit volgens het Fries burgerpanel
Oer de biografy Stel, jo skriuwe in biografy, oer de Fryske beweger Jelle Hindriks Brouwer. Jo ha noch nea in biografy skreaun
Us eangst om it doel nea te berikken Besprek fan De Fries die in de toekomst sprong fan Huub Mous: Sjarmant is de irony dat er nostalgysk is oer in beweging dy’t besocht alles nij te meitsjen.
Wachtsje op de lêste debutant? Untjouwingen yn it útjaan fan Frysktalige poëzij, 2005-2016
Wolkom yn Fryslan! Noch leit de oprôle fûst fan ’e buorren/ driigjend tsjin harren sûnder hûs en hiem.
Mear en better skreaun Frysk: Troch social media en Google Translate!
Us taalbehearsking Gewoanlik wurde surveys, oftewol enkêtes, brûkt om te sjen oft in feroaring súksesfol wie en dat hat de Fryske Akademy dan ek dien.
Taalatlas 2015 De Provinsje liicht mei de Taalatlas 2015 himsels en oaren foar
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15