Poëzy
Oan Sulpicia, weromreizgjend út Gallië nei har ûngemak
Foar Antsje
Sulpicia, kom nei dy ûnheilsnacht
Wer feilich nei dyn haven ta,
Dêr’t hjerst de stagen tsjin de mêsten slacht,
Dêr’t farrensgasten wille ha,
Net inkeld om elkoar, mar mear noch om
De grappen fan ’e âlderdom.
Ik lit de sinne om ’e hoeke kipe
Oftsto al komst, ik stjoer myn boaden
Foar ’t frije paad – ik haw dyn golle stipe
Foar seine naam fan stille goaden;
Do rûnst mei my, yn libbenstiid te lien,
Troch greiden, griener wer as grien.
Lit dan dyn grime oare paden rinne;
In roas op ’e heup, Sulpicia,
En kom, no’t tûken ’t rûgeljen begjinne
In media barbaria,
Werom. In dochter sil der foar dy wêze,
In soan - in boek net út te lêzen.
En op ’e hoeke by it kalkfabryk
Ta in touristysk spearpunt tocht,
Set al de nouveau riche himsels te kyk.
De sinne set in aak yn ’t ljocht
Fan koperhout, in famke smyt in line
Om yours truly’s hertepine.
Faaks kinne wy sa’n ein net rinne mear.
Doe ploege ’k tûzen bunders lân,
En liet de wielde groeie – it ljocht docht sear,
As hie gjin letter kânsen hân.
Wat maal ik? Sels fersmiten, eigen skuld.
Der bliuwt neat oer as ûngeduld.
Sulpicia, goedgeunst’ge winen wake
En jeie dy de miggen fuort,
Ut loften klear, as hie God om dy lake,
In tel gelokkich mei syn guod.
Wat moais giet mei op dyn behâlden reis,
Wa wit nei wat noch ûnderweis.
Mear fan Abe de Vries
‘Krysttiid 1899’ of it stjonkbedriuw fan de grutten |
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’ |
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten |
Keunst is altyd polityk (podcast) Gerrit Breteler oer synergy mei it publyk |
It sweverige wurd ‘spiritualiteit’ (podcast) Marty Poorter wol net útlizze |
Mimesis (podcast) Keunst is gjin keunstsjes, seit Elmar Kuiper |
Keukenstafelpetearen de alderearste fryske keunstpodcast |
De Hylkje Goinga Priis foar Frysktalige Literatuer In trochstart fan de fallite Gysbert! |
De treastpoezen fan it Frysk (it frysk is sa hoopfol en de minsken snappe it net) |
De sosjale kosten fan fergriemen It neoliberalisme lit jo foar alles opdraaie |