image abe de vries

Poëzy

Abe de Vries Fers2 nû. 5.13, 8 septimber 2019

Oan Sulpicia, weromreizgjend út Gallië nei har ûngemak

Foar Antsje

Sulpicia, kom nei dy ûnheilsnacht

    Wer feilich nei dyn haven ta,

Dêr’t hjerst de stagen tsjin de mêsten slacht,

    Dêr’t farrensgasten wille ha,

Net inkeld om elkoar, mar mear noch om

    De grappen fan ’e âlderdom.

Ik lit de sinne om ’e hoeke kipe

    Oftsto al komst, ik stjoer myn boaden

Foar ’t frije paad – ik haw dyn golle stipe

    Foar seine naam fan stille goaden;

Do rûnst mei my, yn libbenstiid te lien,

    Troch greiden, griener wer as grien.

Lit dan dyn grime oare paden rinne;

    In roas op ’e heup, Sulpicia,

En kom, no’t tûken ’t rûgeljen begjinne

    In media barbaria,

Werom. In dochter sil der foar dy wêze,

    In soan - in boek net út te lêzen.

En op ’e hoeke by it kalkfabryk

    Ta in touristysk spearpunt tocht,

Set al de nouveau riche himsels te kyk.

    De sinne set in aak yn ’t ljocht

Fan koperhout, in famke smyt in line

      Om yours truly’s hertepine.

Faaks kinne wy sa’n ein net rinne mear.

      Doe ploege ’k tûzen bunders lân,

En liet de wielde groeie – it ljocht docht sear,

      As hie gjin letter kânsen hân.

Wat maal ik? Sels fersmiten, eigen skuld.

      Der bliuwt neat oer as ûngeduld.

Sulpicia, goedgeunst’ge winen wake

      En jeie dy de miggen fuort,

Ut loften klear, as hie God om dy lake,

      In tel gelokkich mei syn guod.

Wat moais giet mei op dyn behâlden reis,

      Wa wit nei wat noch ûnderweis.

Mear fan Abe de Vries

Ut Mienskar: Sonnetten Doarp, dij binn’ swierrichheden brocht / yn romtes dêr’t wy stikten fan it gnizen.
Ut Mienskar: Sonnetten Men soe in ekspresjonist, in fauvist wêze wolle, / wurkjend yn syn earste blauwe perioade, / mei in toets, op foarbyld fan âlden stuolle
Ferskriftliking en ferboargerliking fan Fryske literatuer: It wurk fan Cor Wielsma (1845-1922)
Yn ’e iensumens fan it Koarnjumer Aldlân Hy siet beknypt tusken ‘klerikaal en liberaal, tusken sosjalist en populist’. Der is lykwols reden om oan te nimmen dat der noch wat oars wie …
‘Fryslâns fee is hearefee, Fryslâns grûn is hearegrûn’ It is even nei healwei njoggenen, de kâlde moandeitejûn fan 18 November 1901, en hy hat tefolle dronken.
Folksskriuwerij en lokale elites yn de Lytse Bouhoeke De Lytse Bouhoeke is yn it midden fan de njoggentjinde ieu in lytse wrâld. Drok ûnderling ferkear fan boeren, skoalmasters, dûmnys, smidden …
Neo-folk as krityk op it kapitalisme Folksferhalen binne, om binnentroch te stekken, sterke stikken dy’t de generaasjes bylâns trochferteld wurde op jierdeisfeestjes.
‘Freonen fan âlds, farwol!’ ‘Ofskie’ is, as ik myn sin sis, ien fan ’e kaaifersen fan Piter Jelles Troelstra.
Indian summer yn in sjaletsy op ’e Twizelerheide Foar it rút Crazy, it hynder sûnder namme, / tjirget tsjin it spantou foar wat gers.
Grand tour God brekt ûnrjochtfeardige rjochters de nekke, / tocht de mem. En liet har soan gean op grand tour.
1 2 3 4 5 6 7 8 9