image abe de vries

Poëzy

Abe de Vries Fers2 nû. 5.13, 8 septimber 2019

Oan Sulpicia, weromreizgjend út Gallië nei har ûngemak

Foar Antsje

Sulpicia, kom nei dy ûnheilsnacht

    Wer feilich nei dyn haven ta,

Dêr’t hjerst de stagen tsjin de mêsten slacht,

    Dêr’t farrensgasten wille ha,

Net inkeld om elkoar, mar mear noch om

    De grappen fan ’e âlderdom.

Ik lit de sinne om ’e hoeke kipe

    Oftsto al komst, ik stjoer myn boaden

Foar ’t frije paad – ik haw dyn golle stipe

    Foar seine naam fan stille goaden;

Do rûnst mei my, yn libbenstiid te lien,

    Troch greiden, griener wer as grien.

Lit dan dyn grime oare paden rinne;

    In roas op ’e heup, Sulpicia,

En kom, no’t tûken ’t rûgeljen begjinne

    In media barbaria,

Werom. In dochter sil der foar dy wêze,

    In soan - in boek net út te lêzen.

En op ’e hoeke by it kalkfabryk

    Ta in touristysk spearpunt tocht,

Set al de nouveau riche himsels te kyk.

    De sinne set in aak yn ’t ljocht

Fan koperhout, in famke smyt in line

      Om yours truly’s hertepine.

Faaks kinne wy sa’n ein net rinne mear.

      Doe ploege ’k tûzen bunders lân,

En liet de wielde groeie – it ljocht docht sear,

      As hie gjin letter kânsen hân.

Wat maal ik? Sels fersmiten, eigen skuld.

      Der bliuwt neat oer as ûngeduld.

Sulpicia, goedgeunst’ge winen wake

      En jeie dy de miggen fuort,

Ut loften klear, as hie God om dy lake,

      In tel gelokkich mei syn guod.

Wat moais giet mei op dyn behâlden reis,

      Wa wit nei wat noch ûnderweis.

Mear fan Abe de Vries

Kaleidoskopyske blik op it resinte Fryske fers Nije poëzyblomlêzing!
Adieu oan in humanistyske dichter In Memoriam Jaap Veenstra, 17 March 1959 - 31 October 2020
Twa flearen
De dobbe in dobbe, dêr’t ûnderwetter­sliners -/ gjin swimbad foar doekje-derom-winers
‘As der ris in jongfaam opstie’ Waling Dykstra en froulike skriuwers yn de Fryske literatuer
In ko ferkeapje yn ’e sted Ljouwert Ik haw myn kobist fêstbûn oan in appelbeam …
Dan koe se in man út it plak keare Tusken de memorabele frouljusfigueren yn de literatuer yn Nederlân soe ek maklik de Fryske Haitskemoai fan Waling Dykstra stean kinne.
It Russyske haadstik Ferfryskingen: Brodsky syn
‘Cape Cod’, fers II
Dan wer koekút, dan wer nachtegeal Literatuer, as estetysk oardere tekst, omfiemet neist de sjenres poëzij en proaza, mei alle sub- en mingfoarmen dy’t dêrby hearre, ek it liet.
It Russyske haadstik Ferfryskingen: Brodsky syn
‘Cape Cod’, fers I
1 2 3 4 5 6 7 8 9