Essee
Oars sjen
Meidwaan oan ’e Obe Postmamiddei
Alas! how little does the memory of these human inhabitants enhance the beauty of the landscape!Henry David Thoreau
Griist in bewurking fan lânskipspoëzy my oan? nee. Falt dêr oer te sjongen? ja (oeral is oer te sjongen, sjoch mar nei de heavy metal lyrics: all the world’s a stage). ‘Lânskipspine’ <motto> as begrutlike wurdgrap op Heimweh, in ‘grutte revolúsje’ tusken 150 jier lyn en hjoed, in implied author dy’t wifelet oer eigen kinnen en/of grinzen oan poëtikaliteit fan it tal kij—tûzen—en in suggestive fraach nei ‘Frysk’ lanlik dekôr yn it jier 2018: de opdracht noege út ta omkearing fan ’e estetyk. Postma syn idylle → in dystopy. Syn arkadysk lânskip → in apokalyptyskenien. Alle doe tsjotterjende fûgeltsjes → no mei de poatsjes omheech. Mar sa’n Mad-Max-yn-Fryslânoanpak prikelet net it omtinken foar poëzy. En de Fryske wizânsje is al sa lang om poëzy te sjen as ekskús foar omtinken foar de dichter, dy’t jierdei is en dêr’t se allerhanne nijtsjes fan fertelle kinne, as hiene se juster noch mei him yn ’e kroech sitten. Yn Postma syn postume sammelbondel is vita maxima longa en ars brevis. Postma’s poëzy meimeitsje, dêrút wei woe ik in keatling fan reaksjes útlokje.
It prosedee
Oer taal gean sterke ferhalen. Hoe’t taal de allerpersoanlikste gefoelsreaksjes op ’e wrâld út it ûnbewuste helje moat is in riedsel. Taal is der foar útwikseling mei oaren. Taal is transyndividueel, symboalyske oarder; taal, dy sosjale struktuer dy’t wy ynprinte krije, skept ús ûnbewuste. Sa djip-persoanlik as se in talige utering, poëzy bygelyks, soms ek bringe, is dy dus net. Dêrneist binne wurden sels nea wier. Dat hat gjin útlis nedich, mar in âlde fynst fan ’e psychology is: it ferwurdzjen fan eat makket it fansels wier. Taal tsjinnet it kategorisearjen. Wat jo yn in hokje triuwe dogge jo net ek yn in oar hokje. Om it nei it ynsetten fan taal—oer it barren prate of it opskriuwe—helder te hâlden yn ’e holle, oerskriuwt de kategory it oarspronklike oantinken. Oan eachtsjûgen ha jo neat mear nei’t se it ferslach fan har eigen ferhaal lêzen ha: verbal overshadowing. Postma’s “[F]an der Fear is alhiel in Amerikaan wurden. / Tegearre mei syn broer Piter hat er no 1000 kij” komt op papier yn 1960. Dus is it ‘wier’ yn 2018. Mar tusken 1970 en 2006 barde dit yn ’e Feriene Steaten <sifers fan de oerheid>. It tal pleatsen mei melkkij foel werom fan 648.000 yn 1970 nei 75.000 in 2006 en it oantal suvelkij mei-inoar gie omdel fan 12 miljoen yn 1970 nei 9,1 miljoen yn 2006, sadat de trochsneedkeppelgrutte omheech gie fan 19 kij de pleats yn 1970 nei 120 kij yn 2006—lang lang lang gjin tûzen.
Ek oer lânskip geane wylde ferhalen. Lânskip soe ‘fryskeigen’ wêze, hoewol’t it Fryske lân foar it grutste part yn besit is fan it ynternasjonale bank/fersekeringswêzen en net fan ‘ús’. Lânskip soe ‘terapeutysk’ wêze, in eigenskip dy’t lykas ‘sense of place’ mank giet mei bungalowbou oan hieltyd optsjende stedsrânen. Lânskip soe net fetber wêze foar froulik belibjen en útlis, want steefêst wurdt lânskip beskreaun as manlike ûnderfining, gewoanlik fan produksje, dus hoedersekonomy, greidbuorkjen, lânbou, fiskjen. Postma’s “eigen klei en keat” ferwiist net nei eigendom fan froulju. De tûzen kij wiene net fan frou Fan der Fear. Noch altyd slút it lânskip de frou út, want <sifers fan it CBS> kobedriuwen dêr’t benammen froulju wurkje en dêr’t in frou it bedriuwshaad is meitsje 1,5 persint fan al dy bedriuwen út. Gjin wûnder dat wy ompakke mei útrûpellânskippen dy’t it soarchlânskip gjin skyn fan kâns jouwe—tink oan it fuortjeien fan de skiephoeder mei syn âlde deikeppel fan rêstende skiep, ferline jier—mar wa heart men deroer? Wy wolle it lânskip leafst slim gendearre hâlde: yn Holwert sille se in neakene pitspoes op ’e dyk delsmite, beslist net in bleate beefcake, passyf klearlizzend om ‘bedaard deltrape’ te wurden.
Fan Obe Postma is in gedicht keazen op ienfâld fan struktuer en diksje.
By it kij-opheljen
In moaie dei; de loft is griis en stil;
De greide hat syn kleur noch sa;
’t Is melkerstiid, de kij, it paadsje lâns,
Traapje bedaard nei d’ âlde jister ta.
Yn ’t hjerstbereinde lân oan leieich
De lange teisters driuwe op it wiet;
In reauntsjen libbet er yn ’t stille fjild,
Wêr ’t fredich streamke nei de delte giet.
Dêr balt in beest; no net de blide rop
Dy’t foarjiers fleurich opklinkt yn de romt’;
It heart ûnwennich, en wy fiele mei
In frjemde langst nei wat ús sels ûntkomt.
Binn’ it gjin kunden! Sjoch de swarte giet foarop,
Dan Jan en Klaske; trijeoer is wat steech;
Dêr draaft de bûnte, ’t weake lân jout mei,
En ’t wetter spat, de âlde nei, omheech.
Wien’ hja ús folk gjin freonen? Simmertiids
Gong ieuwenlang de finne lâns har paad;
En kaam de kjeld yn ’t skrouske winterlân,
De bûnte rige waard nei ’t hege hússtee laat.
It bûthús naam har op; de golle joech
Har ’t geurich hea; dêr suchten, stinden hja;
En ’t libben wie by har yn ’t waarme hûs,
Al ’t geafolk kaam op ’t noflik wenstee ta.
Hjir wie it wurk, mar ek it gol petear;
It boartsjen fan ’e bern; it swiet gepleach
Fan feint’ en fammetiid; neitinkens noft,
As ’t âlde hert nei wat foarby wie teach.
De takomst? Sil ús folk nei âlde wenst
Noch heine en warje eigen klei en keat?
Wa seit it? Djoer ferline! Neat as do
Noch fêst, no’t alles wankt en teart!
Obe Postma, Fryske lân en Fryske libben II, 1923
Metaforen, klisjees en klangtapassing binne notearre. Dêrút wei is yn balladefoarm, fan ûnskuldich nei donker, in protestdicht skreaun. Dat is doe fuortsmiten. Moralistysk gedoch, jakkes; efter de populêre fisy op poëzij as subjektyf, abstrakt, metafysysk en dizich gluorket hieltyd wer (seit literatuerekspert Migliavacca [tûzenkij]) it New Criticism-diktum dat keunst ferantwurdlik is en etysk sûn, sadat net-sa-morele oerheden no noch makliker oansetten komme mei alibypoëzy dêr’t gjin keunst oan is. Mei it sykwurd “landschap” út binne de twa Fryske deiblêden, Ljouwerter Krante en Frysk Deiblêd, út it jier 2017, goed hûndert artikels (fan de 3000) pikt. Dêrút binne de eigenskippen en wurdearringen fan lânskip sille.
Ut de krigen wurdlist binne de wurden dy’t gjin jambysk metrum hiene, skrast. Foar bygelyks de kar tusken betonpaad en asfaltdykje hawwe Abe de Vries en ik guon stekproefûnderfiningen bûtendoar opdien, dêr’t de beton- en asfaltfariant beide sneuvelen as tefolle-Sybesma, respektivelik temin-Postma. Neist it wat preuveljende bylûdpatroan is ek de plotstruktuer fan Postma’s gedicht oernommen. It lânskip is, lykas sein, neffens de represintaasje fan ferline jier. Opdrachtjouwer Geart van der Meer holp, tank dêrfoar, mei de ekstra nostalgy.
By it hûn-útlitten
Unike rêst, de wolkeloft hâldt moai,
Us terpdoarp is noch jeuchlik smel.
’t Is hûnheintiid, it bist, ’t wolwêzen dien,
Rint tradisjoneel ’t besongen seesicht del.
It noardlik plattelân leit dreamerich
Yn’t sêft-dynamysk griene wynmûnljocht
En stil de klang fan ’t wettermonumint
Dêr’t âlde klaaigrûn mist’ge hichten socht.
No grimmet sfearfol leech de hûn,
Gjin folksliet út de Fikingtiid,
Mar kompinsearre skea-natuer:
“Genietsje fan it wrydske wiid.”
Dan sneupt er by it lûdskerm om,
Unesco syn wrâlderfskip yn,
Nei ’t grien en sûn natuerbehear
Mei boere-finansjele pyn.
As hûnejong, wie greidbuork’rij net yntinsyf,
Monokultuer, mei dierber oerheidsjild,
Fan âlds it wetterpeil horizontaal;
De mienskip rûn yn ’t iepen fjild.
Fergrieningswet beskermet, wis; in park
Fol beammen en in meldpunt houtwâlkap.
Behâld fan tsiis en greidefûgeldoel,
Ferbett’re planning, Friesch landschap.
Hjir rûkt it útsjoch krekt nei skilderij,
Abstrakt fan sleatjespringen yn ’e rein,
Fan rekreëarj’ yn âld kadoferpakte styl
Belicheming fan tiid – en skries ferflein.
Klimaatferoarl’kens heart derby.
Dat giet ferwoast’ge it miljeu teloar?
Wurd wekker: libje yn identiteit.
De hûn rint duorsum foar.
Foarstelling
Lân is froulik liif; de manlike siele oarderet it en/want struit syn sied deroer. Lân is ferfroulike om’t it yn ’e tiid fan de romantyk, dy’t lân ta dichterstema makke, deselde kwaliteiten hawwe soe as de frou. Lân is “hjerstbereind”: húslik, from, sierlik, suver, leaf, freonlik, simpel, kreas en bleatsteld oan it (meast manlike) lot en (manlike) natuerwetten. Lânskip is foar ús westerlingen ynherint lizzend: in bledside yn ’e lânskipsmodus leit plat, wat wy te tankjen hawwe oan de oarspronklike betsjutting fan lânskip as skoepen mei it (westerske) pinsiel. Yn ’e nije, net skilderkeunstige betsjutting is lânskip noch altyd lân dat net sasear foarme is troch natuerkrêften as troch kultureel yngripen. ‘Plat’ is in kulturele ideale sjenswize. “There is no such thing as ‘just landscapes’,” sei Julie Mehretu in healjier lyn oer har opdracht om ‘in lânskip’ te skilderjen foar in museum yn San Francisco, “the actual landscape is politicized through the events that take place on it.” Boppedat binne lânskipsrepresintaasjes, meastal konstruksjes fan de massamedia—de grutste útdrager fan ’e dominante kulturele tinkbylden en bewurker fan ús kollektyf ûnthâld—foar in dield begryp fan lânskiplike ‘werklikheid’, altyd in kar út mooglikheden en dêrom ideologysk. Trouwens kultureel geografen, lykas Postma ien wie, sjogge faak it hiele idee fan kultuer as in ideology.
Sadwaande makket lânskip in ideologyske foarstelling mooglik fan minsken en objekten: de manier sa’t dy yn it lânskip delset en ôfbylde binne lit ideologyen fan rangoarder en útsluting sjen. In freon, berne yn in agrarysk nêst op West-Java en opgroeid yn Drachten hie ris ferbjustere op ’e rem trape yn ’e bouhoeke, om’t him boppe in blauwe overall tsjin de ûneinige ljochte loft in swarte holle ôftekene—like swart as sines. De diskursive konstruksje fan lânskip, sizze geografen, is as in stereotyp suver plak dat gjin ferskil herbergje kin. Dat de ynfloedrike fersprieder fan it idee fan kulturele lânskippen, Carl Sauer—Postma sil syn wurk kend ha—essinsjalisearre etnyske kategoryen brûkte om it plattelânslânskip en de sosjale relaasjes dêryn te ferklearjen, fêstige in ideologysk fûnemint fan lânskipsrepresintaasje. Unesco tsjut, Sauer folgjend, it wrâlderfskip oan mei de dúdlik politike teneur fan organyske gearhing: lânskippen binne “Combined works of nature and humankind, they express a long and intimate relationship between peoples and their natural environment.”
Yn Postma syn ‘By it kij-opheljen’ jout it brekken fan de bân tusken it “folk” en syn “eigen klei en keat” in takomstleas lânskip. It is it lânskip fan alearen, in konvinsjoneel plaatsje, fan in plak dêr’t de sjonger fan hâldt en wierskynlik ek syn—foar in part stedse—lêzers. “Those who are not very concerned with art want poems or pictures to record for them something they already know - as one might want a picture of a place he loves”, seit George Oppen. Mar Postma’s plaatsje is net fan in besteand plak. It is nostalgy. It is it faak kollektive ûnthâld, dat it ferline rjochtset foar brûkme yn politike arguminten, en it is it altyd selektive sabeare-ûnthâld. It is it bitterswiete longerjen ‘nei hûs’ earne oars of yn ’t ferline, dat al sa faak ûndersocht is yn ferbân mei konsumintisme, Brexit en oar retronasjonalisme, toerismemarketing en sense of place as oplossing foar de tanimmende placelessness fan it ekonomysk regearre lânskip. Dat allegearre nochris ûndersykje is sinleas. It punt is dat ‘nei hûs’ net kin om’t it plak net werklik is.
Pastorale poëzy, seit Abrams, is in opsetlik konvinsjoneel gedicht dêr’t de stedse dichter syn nostalgysk byld yn sketst fan it simpele en freedsume libben fan hoeders en oare bewenners fan it idealisearre plattelân. De konvinsjes, dy’t fia Fergilius by Teokritus wei komme, omfetsje freedsum skolperjend wetter, “’t fredich streamke”, de ûnder in brede beam efteroerlynjende hoeder, “Hjir wie it wurk, mar ek it gol petear” en it opfieren fan de dichter en syn freonen yn de ferskining fan hoeders, “De bûnte rige waard nei ’t hege hússtee laat”, dy’t sjongwedstriden hâlde, faak oer leafde en oer dea, “it swiet gepleach / Fan feint’ en fammetiid.” De sin fan it pastorale gedicht, of de idylle, is it sykjen fan it simpele natuerlibben, fuort fan de stêd en de korrupsje. It werom nei de paradyslike steat fan de noch net fallen man is it longerjen nei ûnskuld.
Mar de retoaryske funksje fan de pastorale poëzy is minder ûnskuldich. Kenneth Burke sjocht de pastorale tema’s en smeekbeaën fan werom nei de ferlerne ûnskuld as middels yn it symboalyske proses fan mystifikaasje, as kokettery tusken botsende sosjale klassen, om sa de sosjale hiërargy te bekrêftigjen. Dat de Spaanskegryppandemy fan 1918 folle mear slachtoffers makke by it gewoane folk en dat dat kaam troch miljeufersmoarging, wie doe’t Postma ‘By it kij-opheljen’ skreau wol bekend. Mar de pastoraalpoëtyske klam op nederigens en ordinêre lju is nea pynlik of misledigjend; elkenien kin him just ferienje ûnder de ûnpersoanlike, universele, nea har politike idee priisjaande oseaan-, blomblossems- en stjerrehimelteksten. Wis hawwe de lêste ieuwen ‘falske’ pastorales fuortbrocht, mei in leaflike setting en simpele wurden en dan ynienen in ûnidyllysk etos fan ferantwurdlikens foar jo footprint en in ûnarkadyske oprop ta aksje. Dit millennium erkende ‘Violation of nature and the landscape’ as fariant fan lânskipspoëzij. De likenis tusken de literêre pastorale en de retoryk fan miljeuaktivisme is al sjen litten: yn beide gefallen bepaalt in ideale steat, yn ferline of just takomst, de ideologyske estetyk.
Werklikens
Wat dy ideaalsteat oanbelanget falt op dat gjin inkeld fers yn Postma syn Samle fersen in sintúchlike werklikheid foaropset. De fersen jouwe, suggerearje Philippus Breuker en Abe de Vries, gjin suver materiële werklikheid wer. De poëzy fan Postma freget om in oare beneiering fan realisme. Literêr realisme ferkundiget de wrâld sa’t dy is en behannelet de wrâld bûten ús, lykas klassisisme de bûtenwrâld beskriuwt, en wol sa’t dy perfekt is, en romantisisme sa’t ús hert ús ynjout dat dy wêze moat. Mar hjir giet it net oer literêre klassifikaasje; it giet oer wat yn filosofyske sin werlik is. Lânskip as net-konkreet ding falt, as men by Breuker bliuwt, yn it ‘tredde ryk’ by wiskundige objekten en perfekte etyske noarmen. Lânskip sjogge jo net; jo kenne it. Dat it konkrete lân in objektive werklikens hat, ûnôfhinklik fan ús tinken en sjen en taal, liket Postma syn poëzy lykwols tsjin te gean. As it realisme wier is, moatte de sinnen dy’t wy sizze oerienkomme mei in tastân. Mar dêrfan wit sels de meast kompetinte taalbrûker net altyd oft dy wier is—proeste de ko echt yn syn sliep de nacht foar’t er kealle?—sadat wy it korrekte taalgebrûk net ûnderfine en dus gjin taal leare kinne. By realisme kin sjongen net.
Gâns in stap fierder—dit as ferheldering fan de posysje fan Postma’s wurk—as de kwasyrefleksje op it besjonge kinnen fan oare omkriten as de nostalgyske mentale lânskippen, lykas de werklikheid (in wurd dat, sa’t Nabokov oant ferfelens ta ûnderstreke, allinne betsjutting hat mei skrapkes deromhinne), is it metarealisme. De Russyske metarealistyske poëzy besocht nei in hegere realiteit te kommen troch universele plaatsjes, dy’t it no ferbine oan de autorisearre ferbylding fan de foarbye ieuwen, oftewol de Europeeske kanon; tink oan de archetypyske absolute en atemporele plaatsjes fan ‘wyn’, ‘wetter’ en ‘boek’ en oan ivige tema’s as ‘fergonklikens’. Mear yn it algemien wol metarealisme boppe it subjektive en/of solipsistyske plaatsje útgean. It wol net sasear in piktorieel ferslach jaan fan oare diminsjes fan ’e werklikheid, lykas it surrealisme docht, mar dy diminsjes ûndersykje yn ferhâlding ta ús minsklikheid. Metarealisme fersmyt it fragmintearre yntellektualistyske, ‘persoanlike’ plaatsje, dy minystikjes ‘lânskip’ dy’t wy mei ús ûndersteld superieure minsklike fermogens sizze te represintearjen. Metarealisme jout in holistysk byld út in metabewust ‘ik’ wei: it hiele plaatsje.
Yn it holisme is de kaai ta ynsjoch it analogysk riddenearjen: in konsept dat bûten jo begryp leit beneierje jo troch earst soartgelikense mar simpelere konsepten te begripen. De hydraulyske analogy ferliket elektrisiteit mei wetter, analogy is sûn ferstân en ‘eat is as’ en ‘sokssawat’ binne ûnmisber deistich taalgebrûk. Sûnder ‘lykas’ twa dingen ferbine docht de metafoar. Postma syn gedicht folget it romantyske script fan in reis—“it paadsje lâns”—troch ferfrjemding—“in frjemde langst”—nei hûs—“’t hege hússtee”—en dy yntegraasje yn ’e natuer en it jin ien fielen—“It bûthús naam har op”—mei de oare soarten—“bûnte rige”—krijt metafoarysk syn beslach: “Al ’t geafolk kaam op ’t noflik wenstee ta.” Op ’e dyk en yn ’e keunst is holistsyk tinken deagewoan, mar net yn ’e wittenskip [is dat wichtich foar de tekstynterpretaasje? ja want in gedicht wurdt altyd skreaun en lêzen yn in histoaryske, (sub)kulturele, sosjale en persoanlik-ûnderfûne kontekst]. Om’t ferbân mei-inoar, myte en parabel patroanen bleatlizze oer alle eleminten dy’t it gehiel werspegelje hinne, patroanen dy’t apart fan ’e matearje binne, ûnderdrukten de midsieuske tsjerkhaden it holistysk frijtinken. Hja preken de atomistyske lear dy’t it patroan ferfong troch de essinsjele aard dy’t yn matearje sit. Dat waarnimbere saken yn de natuer gjin yntrinsyk gehiel binne, mar inkeld gearheappingen, is no it grûnbegjinsel fan ’e westerske wittenskip.
De waarnimmer is fansels de minske; yn Postma’s gedicht binne it net de kij dy’t sinjalearje dat “’t fredich streamke nei de delte giet”. Pikant is dat antroposintrisme, it fûnemint fan de westerske etyk, oanleard is; minsken ynterpretearje en beskôgje de wrâld net ‘natuerlikerwize’ yn wurden fan minsklike wearde en ûnderfiningen, en trouwens Plato syn opfetting fan it goede minsklike libben wie non-antroposintrysk. Yndividualisme, dualisme, atomisme, meganisme, ynstrumintalisme, antroposintrisme, ensafuorthinne steane no foar ús technologyske libbenswize. De ismen beskriuwe hoe’t wy minsken ‘natuer’ ynstruminteel en homogenisearre ûnderfine, as ekotoerisme-oanbod fan kleuren en foarmen dy’t foar ús sintúchlik plesier ûntwurpen binne. De fraach fan wa’t it lânskip is ken twa antwurden, te witten de minsklike bewenners of de lju mei de ekonomyske belangen, en de kwestje fan rjocht op in moai útsjoch giet, ek al seach Darwin biste-estetyk en minske-estetyk as in kontinuüm, folslein oan ’e net-minske foarby. Tusken de ûnduorsume ismen wurdt it antroposintrisme it faakst oanwiisd as de oarsaak fan ’e ekologyske krisis.
Foarm
Wat de tekstuele foarm oangiet, as de lêzer op grûn fan syn ûnderfiningen yn in tekstueel/kultuerpolityk systeem—dêr’t er likemin út kin as de skriuwer—syn eigen ynstabile, meartallige betsjutting skept, kin de skepper fan de tekst neat oars oan syn ‘parole’ taheakje, seit Eco, as derop te rekkenjen dat de lêzer syn bêst dwaan sil en sykje nei de bêste betsjuttingsalternativen foar de ûnder hannen nommen tekstfoarm. De tekst fan Postma as diskoers, dus sa’t wy sokke teksten kenne troch autorisearre foarmtradysje, hat in normaalstatus. It is in (pseudo)ballade, fiif kear beklamme, mei behâld fan de xaxa-rym en folk-funksjonaliteit, as wie it inkeld notearre en earder altyd songen, mei ienfâld fan diksje, grammatika en metrum, mei ûnskuld fan toan dy’t assosjaasjes wekt mei de bernetiid, dêr’t wy allegearre kennis fan ha, sadat de foarm ferbynt en de berneferhaalwizânsje fan brûken fan bisten en ûnbesiele dingen as karakters—kij, in streamke—fansels sprekt. It ‘sels’ hat him net losmakke fan syn omkriten en dat oseanyske fielen, de sensaasje fan ienwêzen mei it universum, lykas The Force yn Star Wars it hielal oarderet en bynt, is neffens Giambattista Vico it bêste dat poëzy jaan kin en de boarne ta begryp fan poëzy lei by de primitive minske, “in the world’s childhood men were by nature sublime poets.” Sa’n tekstfoarm ‘wol’ in simpel byld oproppe.
Faak en ek hjir is dat by Postma it byld fan de nommele boer dy’t yn harmony mei de natuer libbet en polityk ûnferskillich is oant kweade machten him twinge syn húshâlden, grûn en Art te ferdigenjen: “Hjir wie it wurk, mar ek it gol petear; / It boartsjen fan ’e bern; it swiet gepleach / Fan feint’ en fammetiid. / … Djoer ferline! Neat as do / Noch fêst, no’t alles wankt en teart!” Fergonklikens ja, mar dit fers is gjin pastorale elegy foar in deade kollegahoeder. Lykas yn berneferhalen ferhoalet de yntime, heimliche foarstelling mei de nuete, domestisearre kij de unheimliche dûbelgonger yn de dea, “Binn’ it gjin kunden! Sjoch de swarte giet foarop”. Animisme, de almacht fan ’e tinzen, de ferhâlding ta de dea en kastraasje-eangst, i.e. de eangst jin net fersette te kinnen tsjin ûnderdrukking, seit Freud, meitsje it eange faai en “Dichtung” omfettet it faaie fan it echte libben—lykas de Fjetnamoarloch dêr’t Postma oer krantlies, dêr’t ien haal fan it masinegewear oer de rysfjilden hûndert kij deade—plus “noch anderes” dat yn it libben net foarkomt. It jout de spanning fan de klif dêr’t de implied reader fan wit wat der bart as er der fan ôf treaun wurdt, “Sil ús folk nei âlde wenst / Noch heine en warje eigen klei en keat? / Wa seit it?” Mar út it yslike werom nei it heimliche, nei hûs, dat kin net, by nostalgy.
It liket der sterk op dat Postma ritme, ûnderwerp, toan en wat ferbylding fan syn fers ûntlient oan wierskynlik it populêrste Switserske folkslietsje ea, dat de kohoeders songen om op melkerstiid de kij út de greiden te roppen, dat no noch bestiet as patriottysk liet en dat troch Rousseau yn ferbân brocht is mei nostalgy, doedestiids oantsjut as mal du Suisse of Schweizerheimweh; it soe ferbean wêze om de ranz des vaches te sjongen by Switserske hiersoldaten yn ’e buert, want dat koe har nostalgy sa oplôgje dat hja deroan dea giene. Nostalgy waard ek wol sjoen as in symptoom fan ’e harsenôfwiking by Switserske kohoeders as gefolch fan it ivich en altyd kowebelklingeljen plus de echo yn ’e bergen, dus oars as de kulturele haadstêd achten se nostalgy in sykte en net heilsum. Wichtich is by de ranz neist de ‘nostalgyske’ stadige trijekwartsmjitte de mineur toansoart, lykas yn ’e filmmusyk foar E.T. dy’t slim ûnwennich is.
De sprekker yn Postma’s fers, dy’t de feintetiid fier foarby is, liket it lûd te ferliezen. Sa’t dat giet by âlderdom falle earst de hege frekwinsjelûden fuort, lykas de ‘fleurige’ rop. It balten is no ‘ûnwennich’. Dat gehoarferlies liedt ta minder emosjonele stimulearring, dus klachten fan gemis en trystens, ha de dokters wilens befêstige. Hokker lûden krekt de bittere en swiete emoasjes fan de nostalgy oproppe is it resultaat fan yndividuele kondisjonearring. Foar J.J. Hof en my is in positive prigel de ljurk syn skerp, skril, kâld lûd, foar Rintsje Sybesma is it in protter—tinkt Hof—en foar oaren wat oars. Dêrom kiest Postma foar in one-size-fits-all-symbolisme fan, sûnder it bist te spesifisearjen, kowerop en fûgelsang, universele lûden foar it nostalgyske emoasjepalet. Ek fielt foar elkenien Postma syn fers ûntspand, om’t hast alle fersrigels in rêstpunt jouwe by in lang lûd of twalûd en alliteraasjes de lekkere beat skeppe fan it widzesankje. Ien rigeltsje mei koarte lûden bringt ûnrêst, mar krekt op it slot jouwe k- en t-kombinaasjes in ketsjend diskordant lûd, mei it effekt fan ûntrêstiging.
Antwurd
In politike analyse fan Postma syn wurk is goed mooglik. It jout ynsjoch yn it brûken fan macht troch de dominante groepen yn ’e maatskippij (+ yn de bedoeling fan it nei fjirtjin jier opnij úitjaan fan in selde twatalige antology as dy’t noch hiel beskikber is). Sa stjoert de ideale couleur locale yn ‘By it kij-opheljen’ net oan op in heroyske ienfâld mar just in harmoanyskenien. It pastorale stribjen nei kultureel behâld befoardielet by definysje de sosjaal begoede lju. It eksoatysk mystifisearre lânlibben, dêr’t de kij likegoed as “ús folk” as nommele wyldeman yn delset binne, ken de nasjonale stereotypearring fan it warbere mantsje, mei ûnderlizzend de boargermanswurketyk. It “wurk” is de superieure tsjinstelling fan it ûnfolwoeksjen libben fan boartsjen en omhingjen by de famkes en boppedat fan “neitinkens noft” dat, ek neffens Aristoteles, it wurkjen mar yn ’e wei stiet. Dêrneist kin sjoen wurde nei de taal fan de net-dominante groep. Dy wurdt oantsjut mei in net spesifisearre “wy”, wylst de kij wol mei eigenskippen neamd binne en mei in stim, “Dêr balt in beest; no net de blide rop”—mar “wy” swije. Apart yn dit ferbân is dat Breuker identifikaasje fan de dichter [sic!] mei de minsken oer wa’t er skriuwt de meast opfallende karakteristyk fan Postma syn oeuvre neamt. Identifikaasje is in proses dat syn beslach krijt as immen oanwiisbere fasetten fan syn karakter oanpast om mear op de oare minsken te lykjen. Hjir is de identifikaasje fan it lyryske ik/”wy”, foar safier’t dy der is, mei in subjekt dat him deljout en weiwurdt yn it platte lânskip.
Mar al kin sa’n krityske skôging wol, in polityk antwurd op Postma’s fers is in drege opdracht. Earst liedt Postma’s romantyske oanpak fan it mystike of yn fiere fantasyskippen freedsumens-sykjende begjin fan ôf nei in apolitike sfear en karakterisearret al it wurk fan Postma him troch ûnstoflikens, ‘mind over matter’, en is it ekstatysk sykjen nei in transindinte Logos net botte pragmatysk; op ’t lêst is ûnstjerlikens “the sort of thing we don’t know”, sa’t Rorty sei. Twad kin net genôch ûnderstreke wurde dat in gedicht in betsjutting as gehiel hat; it gedicht is net mar in fuotnoat by de ideeën yn ’e holle fan de dichter, dy’t fia syn faak net hiel bewuste yntinsje en nettsjinsteande syn by definysje beheinde persona, klear op papier komme soene, as skreau er in metafysika mar dan op rym—en gedichten binne net fetber foar antwurden; de homearyske epen kenne gjin replyk. Tred ferarbeidet de implied author troch syn hiele oeuvre hinne syn Umwelt as in persoanlik trauma, yn ’e private sfear fan syn lyryk. Yn ‘In nije tiid’ hat de sprekker gjin moreelpolityk beswier tsjin agraryske skaalfergrutting, mar kleit er oer de estetyk derfan en dat op in egoïstyske manier: hy kin dêr net oer dichtsje. ‘By it kij-opheljen’ beslút mei in binnenmûlske, passive, helpleaze klacht, de delslach fan ’e psychyske steat fan âldmannigens, it leard hawwen dat wat barre sil altyd ûnbehearskber is, sadat jo wat komt slikke en tiid de wûnen hielje litte, oftewol, jo sille de ûnderstelde werklikens akseptearje, ynstee fan him te ferheisterjen mei publike krityk; krityk mist dan ek.
Lykwols is fan de pastorale urtext ‘Georgika’, nettsjinsteande it kleare realisme en de beskreaune spanningen en it doelpublyk mei kennis en macht, de politike strekking krekt nei 1700 jier fûn. Noch 1605 jier wachtsjen op Postma’s krityske noat. Of oars sjen, seit Adorno. Lyryske poëzy is yndividueel, persoanlik, in typyske bourgeois utering fan ûnfrede, mei antinomyen lykas no↔takomst yn commodity-foarm—ek lânskip is ornaris foarsteld as commodity. Mar dêrom is lyryk net fansels sosjaal ûnkritysk. It lit, as jo just net as in sosjaalhistoarikus om yntinsje en ideology sykje mar de tekst nimme as subjektyf en ûnynlive, sjen hoe’t de maatskippij seit te wêzen, mar net is. It lit sjen hoe’t mediarepresintaasjes, en dêrûnder gedichte-hypes (mei stoeplyryk as iepenlike ferlieder), de konstruksje en resepsje fan lânskip stjoere, ynbegrepen de foarkodearre gaze nei it lânskip, sadat wy it lânskip sjogge sa’t wy it nea earder seagen mar it dan nimme as Postma’s lyryske “wy”: as hie it nea oars west.
Mear fan Friduwih Riemersma
I hate to say I told you so Oer Kulturele autonomy fan Pier Boorsma |
De macht fan de harker: It oeuvre fan Jaap Veenstra Yn 1986 komt der in lyts read dichtbondeltsje út |
Unwittenskiplik en propagandistysk Skôging fan De Friese identiteit volgens het Fries burgerpanel |
Oer de biografy Stel, jo skriuwe in biografy, oer de Fryske beweger Jelle Hindriks Brouwer. Jo ha noch nea in biografy skreaun |
Us eangst om it doel nea te berikken Besprek fan De Fries die in de toekomst sprong fan Huub Mous: Sjarmant is de irony dat er nostalgysk is oer in beweging dy’t besocht alles nij te meitsjen. |
Wachtsje op de lêste debutant? Untjouwingen yn it útjaan fan Frysktalige poëzij, 2005-2016 |
Wolkom yn Fryslan! Noch leit de oprôle fûst fan ’e buorren/ driigjend tsjin harren sûnder hûs en hiem. |
Mear en better skreaun Frysk: Troch social media en Google Translate! |
Us taalbehearsking Gewoanlik wurde surveys, oftewol enkêtes, brûkt om te sjen oft in feroaring súksesfol wie en dat hat de Fryske Akademy dan ek dien. |
Taalatlas 2015 De Provinsje liicht mei de Taalatlas 2015 himsels en oaren foar |