
Poëzy
Oersetting fan Antjie Krog, Ut: Medeweten (2015)
myn beppesizzer en ik bouwe sânkastielen
mijn kleindochter en ik bouwen zandkastelen
we bouwe sânkastielen bij de see fan Caesarea lâns
myn bernsbern en ik krekt as bij de oare famkes op it strân
dideldeine har wriuwwaaksglânzige eagen en tsjokke swarte skaafselkrollen de see
skittert stielblau en se lit út ’e fingers tinne tuorkes sân drippe
glêdskjirre amfoaradiggels bespikkelje it strân fan Caesarea
fan ’e moarn hat se har heit en mem frege om yn ’e keuken te bliuwen
en doe hakkele se yn har seis-jier-âlde Hebriuwse wurdfolchoarder:
‘fan mij ôf fuort gien Ouma, wil ek nie hê jy moet wees nie’
brûkte se de wurdtrochstammere bloedeigen dûbele ûntkenning
‘Ouma’s verskriklik lief vir jou.’ ‘Ek weet, Ouma, maar dit gehelp my nie’
bern mei de mûletreaste namme dy’t mij yn alle talen yninoar swije
lit ik wol har ferline bij har weihelje yn ’e namme fan pine
yn ’e namme fan it ferlet om har fêst te hâlden har hielje mei it heil
fan ús allegear dy’t altyd en altyd en noait út har libben ferdwine
wol har laitsjen sjen radslaggen meitsje lykas no – sulver en licht as in twiich
ik wol har fingertoppen ûntblynje tsjin it geloof yn ferneatiging
yn har helderreade swimbroekte liif sûst it fan de littekens
har gûlen yn fertrekhallen is in gelûd dat ik noait ferjitte sil
wat dócht in lichem mei sa’n gelûd wêr berget it sûnder skea safolle
smeekgebeden mei wache trêd rint se oer it sân myn proastige leafste lytse fin!
tsjin de midsiuwske sinne smar ik har de skouders yn mei sinnebrân
tsjin de bleakerjende Helleense akwaduktstien achter ús tsjin
de delfallen blijreade pylders fan Herodes’ paleis dêr’t Paulus troch kening
Agrippa ferheard waard tsjin de ferbroazeling tsjin de ferblining tsjin
baarnende pylkjende spearen en bloed oait hjir op Romeins grûngebiet
tsjin moslimfiskers en Rothschildfûnsen smar ik har de krêm dûbeldik op ’e rêch
deselde sinne deselde ferynlike gelûden deselde see deselde
liemreade diggels trillen daagliks troch lichems like lichtfuottich as dy fan ús
we grave in grêft om ús sânkastiel hinne wylst deselde
rûnomrocheljende tsjinwurdichheid fan god en wraak lichthollich
oer it strân sidderjen bliuwt hoe reitsje we oait út ’e jiske
op dit helferljochte strân út ús eigen ferplettere-wêzen en antwurd-
leazens ús eigen ferskriklike stommens ús dwaze folkswaan
donkertes dy’t yn earholten om foarrang stride mei ivich-nei-de-dea-oerhingjende
útspraken súntsjes gripe golfkes har ankels beet
ús ûnôflosbere lichems sitte baaiend hjir op it sân oan ’e iene kant swimme
de moslimfamkes ûnder wriuwwaaksglânzige eagen en skaafselkrollen ik smar
de skonkjes yn fan it bloed fan myn bloed de bienfoarming fan de dappere
krúsbonke ik smar. ik gryp oan. war ôf. besykje te skilen. skep op wat driuwt.
mei gram yngiet tsjin in god dy’t fêsthâldt oan syn besteansrjocht troch bern te deadzjen
ik triuw de strânparasol djip yn it sân
en slaan de streepte handoeken iepen
we bouwe in sânkastiel en prate Afrikaans
se sjocht my oan en laket gol
myn bernsbern en ik op it strân fan Caesarea
Mear fan Eppie Dam
De ingel Gabrielle en oersettingen fan Joni Mitchell |
Autopetsjend jonkje en Op it wettersportfestival |
Eucalyptus |
Selsportret neffens in foto en Bloeiende eucalyptus bij de hjerst |
Hommaazje oan it lansearplak en De fiskers op South Head |
Wurkgelegenheid foar de klasseleaze kastes en De takomst |
De pûltsjepreek |
De wandied en In dagewoane reinbôge |
Troch de houtseagersdoarpen |
Houthakker yn ’e middei Oersetting fan Noonday Axeman fan Les Murray |