image

Agatha’s briefkeunst

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 3.15, 1 oktober 2017

Alde emails smite jo fuort, mar âlde brieven dat is in hiel oar ferhaal. Brieven befetsje, neist saaklike ynformaasje, faak fan heal-publike aard, ek autentike sjenswizen en private tsjûgenissen. Benammen hawwe brieven styl: elokwinsje, sprektaal en in ferbining mei oraliteit, en in eigensinnich lykwicht tusken foarmlike belletry en ynformele ekspresje. Dat makket dat briefwiksels útsein in weardefolle boarne foar sosjale skiednis—hoe libben de minsken doe—en diagroanyske linguïstyk—hoe feroaret taal yn ’e tiid—ek prachtich materiaal binne foar de stúdzje fan it epistolêre sjenre—it brief as literêre komposysje mei in eigen toan, ynhâld en technyk.

Doe’t Agatha yn de twadde helte fan de santjinde ieu út Bitgum wei begûn te briefkjen mei har saakwaarnimmer en har twa soannen yn it útlân, bestie der al goedkeap papier. Troch hiel Europa hiene se koerierstsjinsten opset en de bloeitiid fan de hânliedingen foar briefskriuwen wie foarby. It briefskriuwen wie—foar wa’t skriuwe koe, krekt wat mear as de helte fan de manlju en ien op de trije froulju—gewoan wurden. Mar yn ferliking mei hjoed wie it kommunisearjen mei it sakenetwurk en seker mei de geleafden fier fuort, in lestige en kostbere opjefte, mei de postkoets as ynstânsje fan Angst, Weltschmerz en langjende antisipaasje. Dat dêrby de ynhâld fan de brieven fan Agatha steefêst in saak fan mienskiplike, minsklike noed is, makket dat ferfine foarmen fan kreative en byldzjende ekspresje ûntstean koene. Agatha ferheft geregeld it brief fan meidieling yn slûf ta literêre keunst.

Morgen met de 9 ures schuidt sal ick U 1 snoeck senden, ‘t is mijn seer leet dat ick ‘t niet eerder gedaan hebt, soude U van Harten geern bestelt hebben, nu sal U die wat laet kriegen, want als sij te 4 uren afging, dan moest sij 1 nacht doot sijn. U belief mij maer te ontbieden, wil geern alle daeg wat senden, doch wou wunschen, dat U Apetijt soo wel op fleis, als vis viel, want die slijmerige vis kan geen goet bloet setten, ick heb noch geen vis geproeft, wenste dattet U soo goet smaecken als mijn, maer het becommen is niet altijt geliecke goet, U moet an de karnemelkse pap met gepelde garst, dat is alle avont mijn kost, met 1 appel of gestoofde peer.

Situasjoneel skriuwen, want dat is briefskriuwen by útstek, is dreaun troch de omstannichheden, dy’t sadwaande altyd ûngewoan binne en ek dy fan Agatha rinne fan yndrukwekkend of apart fia problematysk oant krityk en ekstreem. Dat bringt mei him mei dat regels fan hoflikens en grammatika fersleauke wurde kinne. As alles yn ’e sop rûn is en jo sjogge de hakbaltsjes om jo hinne driuwen, bekroadzje jo jo net om punten en komma’s. Agatha har saakwaarnimmer is siik wurden. Agatha is ferantwurdlik foar syn wolwêzen dat hja wol soargje dat er sûn yt, mar de sike saakwaarnimmer wol wat lekkers ite. Wat Agatha no docht is dat hja in foarm fynt foar it tagelyk oan syn winsk takommen en dy winsk beknotsje: mei in ritmyske ôfwikseling fan ‘ick’ – ‘U’ – ‘ick’ – ‘U’.

Fierder falt it patroan fan klam en net-klam op, yn de sintsjes mei de koarte, ienlettergrepige wurden, in patroan dat typearjend is foar bernetaal. De yntonaasje is sa ien fan ûnskuld en delbêdzjen, oant dêr ynienen de ‘slijmerige vis’ it keuveljen trochbrekt, efkes letter spegele yn de ‘karnemelkse pap’. Agatha slacht ferbaal mei de fûst op tafel.

De reden om te skriuwen is per definysje nijsgjirrich foar de briefskriuwer, dy’t him ek altyd neamt: dit of dat barde. Mar dat it foar de lêzer ek nijsgjirrich is sprekt minder fansels. De oarloch mei Ingelân wie krekt begûn en bestie foar it meastepart út besykjen om de skippen fan ’e fijân te feroverjen en ta sinken bringen en it beskermjen fan de eigen keapfardijfloat, ynbegrepen hurd fuortsile. Neist dat alles him op see ôfspile wie Ingelân feitlik ek net sterk genôch om de oarloch te winnen. It nijs dat Agatha bringt is dêrom in bytsje as it nijs dat Noard-Korea mei súkses in wetterstofbom útprobearre hat: duh.

Mijn oudste soon is vergangen dingsdach tuis gecomen, heeft 1 dach of 8 verlof om te comen ruiter werven, bringt voor niuws dat de Staten op de vloot nieuws uit Engelant becomen hadden, dat van de onsen de Engelschen ruim duisent man gevangen was, waer onder seer veul waren die sij uit de zee van onse verbrande schepen gevist hadden. Ick heb op het Huis van de Westindische Companij op de Helder, vergangen vrijdach een weeck op een bellividaire geweest, vanwaer ick op enen tijt toegelick an mijn rechter hant sag de macht van Nederlant, en an mijn linkerhant de macht van Engelant. Van dat huis telden wij groot als klein hondert en twaalef Engelsche schepen, men kon haer vlaggen sien wat daer in stont. Mijn Soon heeft 45 van sijn soldaten op sijn schip, ieder schip is versien met 1 predikant, en 1 voorleser.

Om it omtinken beet te hâlden set Agatha in simpel stylmiddel yn, sa simpel dat jo deroerhinne lêze—opdien maniërisme kinne jo Agatha net fan beskuldigje; hja brûkt har dramatyske effekten mei ûn-Frysk belied—nammentlik mei in kwasyprolepsis. It ‘oan myn rjochterhân ... oan myn lofterhân’ bringt de narrative nei in punt fierderop yn de tiid, dêr’t yndie, hja hie it raak foarsein, it folk finzen sit tusken twa like agressive seemachten. De spanning rint op, ferjit net dat Agatha har soan meifjochtet. Mear as ûnsekere tidingen berikke Agatha net: “Hier loopt het gerucht als soude ... It kin net oars, op in stuit sil it ûnk taslaan.

Stap foar stap bout Agatha it drama op.

Wij conen altijt Godt niet genouch loven voor die ongemene courage die op onse Vloot bespeurt wordt, En onse Admiraal heeft bij provigie al voor enige milioenen buit op gesonden, welcke buit alles tot profijt vant puepel op de Vloot is. De vloot, die tusschen de Tessel en de Helder legt bestaet in 80 Mangnifiecke oorlog scheepen en 12 branders, dan noch menigten van jachten en ander klein vaartuig dat met in zee sal lopen. Soo het schijnt wort onse arme lantie door vijanden an alle kanten te water en te lant met bloedigen Oorlog gedreigt, die groote Godt die stae ons bij, en straf ons niet nae verdiensten, hebben wij gesondigt, onse Vijanden en sijn ock geen Engelen.

Drama is aksje. Mar dizze sêne is bespegeljend fan aard, it is eftergrûn; der sit gjin aksje yn. Agatha docht oare dingen om har brieflêzer nei de krisis ta te lieden en se docht dat opnij subtyl. Earst is der de setting, tusken Tessel en De Helder. Eigentlik is dat in tsjinstridige tafoeging oan it ferhaal is, ommers as dy float sa kolossaal is, hoe past dy dan yn in—ek doe—mar krap seegat? Mar wat setting docht, sa’t wy witte út de ynlieding fan grutte politike speeches, “Ich bin ein Berliner”, is troch dat plak sprekker en harker oaninoar bine, ek al steane dy dêr net op itselde stuit.

De twadde technyk is emoasje, of eins in konfesje, plus de foaroankundiging dat op skuld straf folgje sil.

Mar de sterkste fan de tapaste dramatyske metoaden is de karakterisearring. Agatha behellet in tredde personaazje yn it konflikt tusken protagonist en antagonist. Dat tredde karakter figurearret geregeldwei yn de briefkerij, mar tink derom, it is net in deus ex machina. Ommers God is yn dizze passaazje passyf, hy docht neat, hy bringt net mei ien magistrale knip fan ’e fingers in plotomkear ta stân. Wat der bart is dat Agatha de lêzer útnoeget om sels út it hanneljen—of de ôfwêzichheid fan hanneljen—en de hoedanichheid fan it karakter dy syn kwaliteiten ôf te lieden. It gefolch is suspense. Jo hâlde jo siken yn. En dan bekrûpt jo it aaklike gefoel dat it konflikt wol ris net oer wêze kin as der genôch skippen nei de boaiem fan de Noardsee torpedearre binne. Dan fiele jo dat it werklike skeel net tusken de twa rivalisearjende seenaasjes is, mar tusken jo habsucht en jo gewisse.

Ik bin efkes nei myn brievebus rûn. Dy wie leech. In ûndersyk yn Amearika liet sjen dat minsken noch mar ienris yn ’e twa moanne in brief krije.

Sieger Rodenhuis & Geertje Kingma, Geen honinck soet sonder bitter gal - Brieven van Agatha, jonkvrouwe van Groot Terhorne te Beetgum. Bornmeer, De Gerdyk, septimber 2017.

Mear fan Friduwih Riemersma

De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuer­ynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15