Opiny
Kultuerkontrole
De nije macht fan de kultuerynstitusjes berikt mêden dy’t earder buten it bestjoersfoech leine
Keunst is it net it wurk dat moarn bekroand wurde sil mei de Gysbert Japicxpriis, seit de Ljouwerter Krante. “De Gysbert foar dizze samling fersen is wat my oanbelanget in snútslach foar de Fryske Literatuer.”
Literatuer is hjir net samar elke samling skreaun wurk. Literatuer is bedoeld yn de keunst-definysje: teksten mei klam as foarm fan keunst, troch de estetyske eigenskippen fan dat skriuwen of fertellen, lykas yn proaza, toaniel, poëzy en alle mingsels dêrfan. Literêre teksten hawwe in ferdivedaasje-eigenskip, jo lêze út aardichheid en net út plicht, mar yn it bysûnder, tink oan Tolstoy en Tamminga, drage se bliuwend begryp oer. Poëzy is elke betûfte presintaasje, fia taal, fan optochte of echte foarfallen mei it doel om tinkbyldige ûnderfining op gong te bringen. Estetyk is de kearn fan keunst. Dat is om’t it belibjen fan skjintme & ûnskjintme, de ûnderfining, Erlebnis, it libbensliif meimeitsjen, as in sine qua non jildt foar in ynformearre diskusje oer poëzy, en literatuer yn it algemien. Hawwe jo it dichtwurk net sels lêzen, dan wurde jo net earnst nommen. Mar wat is sels lêze?
Frysk(talig)e literatuer, dy slotwurden fan it Ljouwerter Krante-besprek, hat nea los stien fan ideology. It ideaal fan sosjale ienheid en ienigens hat altyd tawijing fan folgers hân. En: tawijing is in estetysk ding: ideologyske commitment easket it libbensliif meimeitsjen fan de folger. Dat is de skeakel tusken poëzy en nasjonalisme.
Folgers fan nasjonalistyske ideologyen diele oertsjûgingen oer earfolle trekken dy’t alle, of teminsten alle weardige lidden fan har nasjonale ploech hawwe, lykas de trek fan in mienskiplike taal meiinoar te praten. Sokke oertsjûgingen binne estetysk relevant. Want de ûnderfiningen fan de ploech, alteast de ûnderfiningen dy’t de ploech tinkt dat se ha, lykas in agraryske komôf, en it belang derfan dêr’t se it oer iens binne, dat ynformearret har attitudes en wearden dêr’t nei ferwiisd wurdt yn it praten oer keunst tradysje en smaak. Sels lêzen yn de sin fan ûnôfhinklik lêzen, is dan taboe. En sa komme wy by de snútslach.
Literêre produksje, lykas byldzjende trouwens, is altyd en oeral ynset om de naasje opnij te skriuwen, oft it no giet om India, Kazachstan—it wie gjin grapke fan Sacha Baron Cohen—of it Sina fan Xi likegoed as Mao. It probleem is: jo hawwe keunstners net yn tsinst. Oars as kultueramtners, semy-amtners op ’e kultuerynstitúten en it hieltyd gruttere leger oan kultuerfreelancers dy’t foar in krats oant riante sommen skiednis skriuwe, kinne jo keunstners mar min stjoere. Har opslute, ferbalje, deaswije, alles is besocht; neat twong har om kultuer te meitsjen nei jo smaak.
Dêr komt it kulturele diskoers deryn. Kulturele kommunikaasje is yn alle aldendeiske fermiddens, gewoan ûntspand, niks blokkearfryskich ingroup-joadeljen x outgroup-demonisearjen. De petearders hechtsje elk eigen betsjuttingen oan dat petearjen: oer identiteit, ús dwaan en relaasjes, gefoel, yn ’e natuer omrinnen ensafuorthinne. Mar ûnderwilens stjoere de machtsrelaasjes, nea frij fan ideology, it petear oer tema’s lykas sosjale rjochtfeardichheid, humanitêre help oan Afghanistan, oer keunst en sels oer hoe’t wy überhaupt ynter- of yntrakultureel meiinioar prate oer wat ek.
Wit de dichter yn dat bestek wol wat er docht? Foar hoefier kinne jo sizze dat de dichter yntelligint oan it roer stiet fan syn eigen kreative skeppen? Fansels is dêr ûndersyk nei dien. De útkomst wie: Nee. En ek sûnder ûndersyk wist literêr tydskrift De Tsjerne wol dat se de keunstner tenei better weromfluitsje koene as de ekspresje te topdown forsearre like. Mar gjinien tinkt mei nostalgy werom oan dy idyllyske tiid dat as de keunstner goed hannele, dy in stickerke yn ’t skriftke krige fan de grutte poartwachter. Hjoeddedei sjogge wy ússels leafst as hyperyndividualisten.
Hyperyndividualisme wie de reden om it nominaasjestelsel fan de literêre priis, de Gysbert Japicx, ôf te skaffen. Ien bûtenwenstige titel komt foar’t ljocht as solitêre prestaasje, los fan eftergrûn. Dat wurk is net better yn relative sin, dus yn ferhâlding mei oar wurk of tsjin de eftergrûn fan it Fryske fjild, nee it is in masterwurk yn absolute sin. It is in ûnferlykber eigen produkt, fan in hiele oare oarder, in folslein nij paradigma (asjeblyft: in moaie blurb foar op ’e efterflap).
Foardiel fan dy oanpak—mar dat is geunstich by-effekt, net it primêre doel—is dat jo de kritisy de bek bine sadree’t dy de sublime titel ferlykje mei oar wurk. Want de oare keunstners likegoed as de kritisy rinne noch yn it âlde paradigma om, dêr’t de âlde wearden en mjitstêven noch jilde, dy’t foar dit revolúsjonêr nije, hieltyd fernijende, en sadwaande oan elke analyse, ynterpretaasje en oardiel ûntglûpende winnende wurk hielendal net mear fan tapassing binne. Dy radikale ûnferlykberheid komt ek moai út om’t de provinsje gjin minsken paraat hat om Frysktalige keunststikken oaninoar te hifkjen—en dat ek perfoarst net wol: men nimt a priori it bestean fan nul oare kandidaten oan. Der is mar ien kandidaat op ierde, oft syn wurk de lêzer no wol of net oanstiet.
Op 22 maart ha wy praat mei de provinsje. Want in keunstpriis wol de publike bekendheid mei keunst ferheegje en kwaliteitstanderts foar keunst sette en sjen litte hoe’t jo dy berikke kinne. Dus it doel fan in keunstpriis leit net yn in ferline dat wy altyd roaskleuriger sjogge as it hjoed. It doel fan in priis leit ynherint yn—hoe beroerd oft dy der ek útsjocht—de takomst. Fier efteromsjen nei de heechtiiddagen fan in âld dichter, yn in besykjen om it folk syn blik-foarút wei te lûken by Hein Pierlala dy’t al omrint yn ús taal: dêr is in keunstpriis net foar. Litte jo jo taalpolityk hieltyd ûnbeskamsumer troch de hieltyd tinnere keunstfasade hinne siperje, dan reitsje jo de Fryske lêzer kwyt. En dat is no in feit.
Wy hawwe de literatueramtners, tûke en bedreaune minsken, ferteld dat as jo it tamtearre draachflak foar de Gysbert Japicxpriis opbetterje wolle, de lêzer de beskiedende rol spylje moat. Ommers taalbefoardering—it offisjele doel fan it literêre priisynstrumint—wurket net as de lêzer jo ta bestseller opkrikte wurk net lêst. Of as er, mei wat mazzel, dat boekje wol lêst, mar net it wurk dat derneist yn ’e boekhannel leit, om’t dat wurk, neffens jo, yn it neat falt by it bekroande wurk. Mei oare wurden, provinsje, brek jo eigen keunst net ôf. Help de bân mei jo konsumint, de lêzer, op. Mar om dy syn fertrouwen werom te winnen is dit needsaak: in betroubere, saakkundige sjuery. Wy krigen doe opdracht om in hifkingsapparaat foar hjoeddeiske poëzy oan te passen nei leke-nivo, foar de al ynstallearre Gysbert Japicxsjuery. Mar mear koene wy net dwaan om de lêzer wer yn syn spilposysje te krijen.
Want wilens wie it Tresoar de Gysbert Japicxpriis oan it regeljen. Gjinien wit, nim it mar fan ús oan, op it provinsjehûs, op de Bûterhoeke, nimmen wit wat de rol is fan it oerheidsynstitút Tresoar, dat no in wike nimt om de priis te bejubeljen. It iennichste dat wy witte is dat Fers2 útnoege wie om mei te dwaan oan de Gysbert Japicxaktiviteiten, mar Tresoar alle útstellen fan Fers2 dêrta ôfkarde. Bygelyks, it oerlis fan boarger en bestjoer oer de Gysbert Japicxpriis yn juny gie net troch en moast wachtsje oant nei de priisútrikking. Deputearre Poepjes sei tsjin my, it soe in goed idee wêze dat alle nigethawwers yn ’e tuskentiid har tinkbylden en idealen oangeande de Gysbert Japicxspriis op papier setten. Us útstel wie om dat yn de priiswike op Tresoar te dwaan: sa kaam dan alfêst it petear en de wikselwurking op gong. Koe net. Tresoar hie foar Fers2 taalpromo, kanonisearring, mienskipsaktiviteiten en reklametaken, dus saken dy’t bûten it profyl fan in literêr tydskrift falle, en besleat op in stuit dat Fers2 net meidocht.
Ergo: der docht gjin inkelde ûnôfhinklike organisaasje mei oan ’e Tresoar Gysbert Japicxwike. De wike is hielendal fan de oerheid en de troch oerheid yn libben holden klups. Mar keunst is in middel fan ekspresje dêr’t it yndividu en de kultuer gearkomme. Wat bart der mei de yndividuele keunstner as kultuer in ynstrumint wurdt fan de oerheid? Dan krijt de Dichter fan Fryslân € 15.000 euro foar ynsmiters, mar who cares: keunstners ha wol wat oars oan ’e kop. Want hoe moatte wy fierder as de polityk de keunst as útdrukking fan de tiid smoart? Kin keunst oerheidsûnderdrukking oerlibje: de oerheidsûnderdrukking-nije-styl?
Yn eardere yntervinsjes waard, tink oan Douwe Kalma en Fedde Schurer, fan kultuerwurkers in goed moreel karakter frege en in ynset foar de mienskipswearden. Op ’e fingers tikke hoegde hast net want de keunst huppele syn lieders út himsels wol efternei. Mar no’t wy yndividualist binne en ússels wêze wolle, is de normative kontrôle snoader. Àlle deugden meie no, en/mar wurde ynset yn it bedriuw, oant en mei de deugd fan krityk op datselde bedriuw, ta skea fan eigenheid en selsbeskikking oer jo utering. De hjoeddeiske kontrôle op de kultuer—mei kultuer net yn de brede sin fan alle artefakten of yntellektuele prestaasjes fan de minsken meiinoar op in beskaat plak yn in beskate tiid; mar yn ’e smelle sin fan entertainment—is te ferlykjen mei bedriuwskontrôle.
Dat is, as in middel fan beliedskontrôle, bedoeld om de loyaliteit fan it personiel te kweekjen troch in doelberet management fan organisearre ‘spultsjes’ yn bedriuwsgearkomsten, pingpongtoernoaikes, survivaljen. De kontrôle is net mear, lykas by De Tsjerne, op it wurk dat wy leverje. De macht fan de kultuerynstitúsjes, lykas Ensafh en Tresoar, beheint him net langer ta ús hâlden en dragen, mar rikt no oer mêden dêr’t se earder gjin foech hiene: ús attitudes en ús noarmen. Dêr’t de ideologyske superstruktuer, de bourgeoisy en hegemony no op mikke is net de regulearring fan ús produksje; it is de regulearring fan ús ‘sels’.
Dêr ûnderút is net simpel. De keunst lient him net sa foar de diktatuer fan it proletariaat, sa’t Marx en Engels sketsten yn har Manifest. Mar wa’t him noch ôffreget wat der yn fredesnamme mankearret oan Dichter fan Fryslân syn produkt: dat is deagewoan de delslach fan organisearre spultsjedwaan.