name

folgje ús

Facebook Twitter Instagram

Download PDF

Besprek

Stimleas yn it auditoarium

Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten

Friduwih Riemersma - Fers2 7.5, 31 oktober 2021

 

image Palimpsest fan Erik Betten

 

 

Al begûn er de trageedzje mei gâns fjoer, om’t syn styl him net tefredenstelde wiske er alles út; en in pear freonen fregen: Wat docht dyn Ajax dochs? Hy andere, Myn Ajax is fallen op myn spûns.

—Suetonius, Augustus  

 

 

 

Wannear’t in krantejonge, want dat is Erik Betten, in dichtbondel skriuwt, dus artistike fiksje, dan tinke jo samar oan frijheid fan ekspresje, feriening & fergearring. De “ynfantile” keunst om ’e keunst dy’t “grouwélich stridich mei de geast fan it minsk­dom” is, sa’t Baudelaire sei, dêr sil in sjoernalist net folle mei op hawwe. Keunst moat foar Betten grif earne oer gean, en net oer de waan fan ’e dei lykas de Hantrekken Wearden foar in nije taal, dy’t foar Ferskaat en Ynklusy yn de kulturele sektor de ekspresje smoare moat mei in “tool om alle uteringen te hifkjen”, mar oer de bliuwende, universele ideeën ûnder de dinkjes.

Mar wat ís bliuwend? Foar de fjouwer skiften út—mei 35 fersen, scrapbook-styl, moai foar in debút—komt in wurdsje oan de lêzer, hjir in fragmint:

Ad lectorem
 
[…]
Lit my de skriften fan de muorren skandearje,
perkaminten plonderje, unsialen
skrabje foar in kapitale toer,
flok en fers ferpaternosterje,
ynboeke yn ivoar, oant
stiiffingerich myn hannen
yn ’e wolken klauwe.
 
Lit my yn dit perfesterfrysk myn ôfstân nimme,
orakelje fan tiid en romte en ferlet.

Astrofysikus Einstein orakele oer romte-tiid en enerzjy. Mar lit my oer de astronoom Copernicus dizze healwize skiednis fertelle; neam it in parabel.

Yn ’e universiteitsbibleteek fan Uppsala leit in midsieuske Ad lectorem, trochstreke mei in grut read krús. Dat wurd oan de lêzer is miskien it ferneamste ea: it giet foarôf oan in eksimplaar fan De revolutionibus, útjûn yn Nuremberg, 1543. Yn 1540 hearde de wrâld foar it earst fan de heliosintryske teory fan Nicolaus Copernicus. Gek genôch iepenbiere net Copernicus sels dy omkear yn de astronomy. Syn iennichste learling, de jonge wiskundige Georg Joachm Rheticus, joech de Narratio prima of earste ferzje fan de boeken “Oer de draaiïngen” út. Hy ek reizge yn maaie 1542 nei Nuremberg om ta te sjen op it printsjen fan ’e earste útjefte fan it boek De revolutionibus orbium coelestium (Oer de draaiïngen fan de himelske bollen). Hy die der noch wat tabellen mei berekkeningen by om de teory fierder te skoarjen, mar moast doe hurd nei Leipzig dêr’t er in post op ’e universiteit krigen hie.

Andreas Oseander ferfong him, in teolooch. Hy misbrûkte syn rol om, yn in sabeare-besykjen om sensuer út de wei te gean, in ûnautorisearre foaropwurd ta te heakjen. Dêryn beskreau er de teory yn it boek eksplisyt as in suver spekulatyf model. Hy hold út dat de “hypotezes net wier hoegden te wêzen en ek sels net wierskynlik” mar nuttich wiene foar berekkeningsdoelen. Sûnder de printer wat te sizzen lei Oseander syn eigen Ad lectorem de hypothesibus huius operis op ’e verso-side fan it titelblêd. Om’t er syn skriuwen opsetlik net-ûndertekene liet, moat de lêzer tocht ha dat Copernicus it skreaun hie: dat dy sels ek net oannaam dat syn hypoteze feitlik wier wie. Mar doe’t Copernicus sei dat de ierde draaide miende er wat er sei. Rheticus leaude him, Oseander net. Dêrnei soe, sasein, Rheticus elk eksimplaar dat er tsjinkaam fan de frauduleuze Ad lectorem bekladzje.

Palimpsest triuwt tsjin wrâldbylden oan. Tekst, oft dy no yn gebearten of mûnling praat of skreaune publike tekens—diskoers—ta jo komt, rôlet it stramyn út as in ad lectorem. Mar jo omavensearjen yn ’e—needsaaklikerwize—tekstuele wrâld twingt jo om jo wrâldbyld nei jo eigen sin oer te meitsjen.

de taal beklammet dy.
Dyn wurden binne frij

It giet oer de ‘rewriteability’, ‘reusability’, ‘wipe-ability’ fan watfoar ynformaasjedragers ek, sûnder dat dêr beskerming tsjin bestjit. De Keninklike Bibleteek wol online-literatuer op CD-ROM oanlevere krije, sadat it duorsum is? Ha! Us wrâld is ien fan ivige wer-montaazje:

En dan:
It ûngenedich ljocht
dat nea genôch krijt fan it rollespul
fan hoe’t de ien de oar
besjocht, en dan,
en dan.

It ûnderoan dangelje litten fan ien, twa inkelde wurdsjes is in fêst stylelemint. It is as is de tekst al heal wiske, it papier werbrûkber, wylst tagelyk it jambe, de hechte binnenrymopbou en de symmetry alle letters nei binnen ta lûke. Ek as in reade trie troch de bondel rint de licht bittere toan. Hoe koe dat fernuverje nei iepeningsgedicht fan skift ien?

Earste fers
 
In fers,
spesjaal foar
Fers twa
[…]
Abe seit:
[…]
Salang’t it mar Frysk is
(it wurdboek ha ’k der altyd by).
Der moat ien syn plicht dwaan
foar it Heitelân oer,
sis mar.
 
Al hat dit lân
dêr’t heit himsels thús dreamt,
him nea ferstien
of as bern beskôge.
 
En dat it my as
twaddehânsk taalmigrant
no wolkom hjitte wol.
Kinst neigean.

Yndie haw ik tsjin ús ûnfolpriizje poëzyútjouwer, DeRyp, sein dat Erik Betten “Fryslâns” kostberste prospect is. Mar wy kenne wis de pine fan taalûnferdraachsumens.

Al earder beskreau ik hoe’t myn dierbere kollega Hendrik út Boalsert efteryn ’e tún fan it dôveynstitút de bedriuwskursussen oanfolle en ús alle fize wurden learde te meneuveljen. Ik frege hoe Frysk oft er him fielde. Fryslân sjocht hím as ûnfrysk, sei Hendrik, ommers hy praat de taal net. Wy ha twa dôveskoallen, in Grinzer en in Brabanner. Fryske gebearten bestean net, dus miterje mar op. Sa’n cri de coeur tsjin taalymperialisme, in kultuer syn dominante taal ynsette om macht út te oefenjen, taal om nasjonalistyske ideologyen te stypjen, meie wy ús oanlûke.*

Jo werkenne de dichter oan de iepensleine wurdboeken op ’e skurte. Dêrneist sjogge jo eat dat se oerjefte, ynset, tawijing of steapelgek neame.

Besykje it dan mar, en jou dy del
op ûnbedoarne seadden fan it âlde lân
en sykje oan ’e himel nei in wolk,
ree om dy op te nimmen.

Dat rint as in tierelier. Efkes werom nei Hendrik: syn fisuele, romt­like en kinetyske taalsysteem wie altyd ritmysker en melodieuzer as de gebeartetaal (mei dat wurd noch fan de Hantrekken nije taal?) fan oaren, mei in beskate hânfoarm, bewegingsbaan, palmrjochting, net-manuele tekens, en de doelberette fisuele rym, troch symmetryske ‘sinnen’. De foarmeigenskippen fan poëzy, ritme, rym, alliteraasje, assonânsje, metafoar, ferbylding en komprimearre taal, binne net unyk foar ús skreaune poëzy. Wat is poëzy after all? liket dit debút te freegjen: “talen en folken […] smolten as sûkela/ op ’e tonge fan tinzen”?

Alles dat wy assosjearje mei poëzy, lykas byldspraak en symbolyk en tempi, fine wy ek yn proaza. Reklame brûkt in protte rym. Fersifikaasje, dus opdiele yn strofen, liket in foldwaande betingst foar poëzy, mar is gjin wichtigenien. Tagelyk is der in poëzy-subsjenre dêr’t poëtyske middels mear tafallich lykje as wêzentlik: abstrakt tinken-poëzy. Retoer nei de yntellektualiteit yn it fers, dat no wol Palimpsest. Lucretius, Pope en Voltaire bewize genôch dat poëzy in drager fan filosofy wêze kin. Allinnich is dat inkeld dêr’t tinken en foarm nau gearhingje: dêr’t de poëzy essinsjeel is. In oanklacht tsjin ‘space-based economy’ moanne­ûndersyk oertsjûget troch de foarm. Bygelyks strike “grisseltsjes” tsjin it hier yn en roffelet de rige koarte wurdsjes in opmjitte nei de langwurdige slotrigel:

Dyn koarste jokket, en ús klauwen
yn dyn fel sil grif ús beiden
grisseltsjes ferlichting jaan.

Lyryk definiearje wy as net-narratyf: net op de manier fan in ferhaal. Mar wat jo fan debutanten ferwachtsje is dat se driuwend, krêftich, wichtich wurk besykje en wilens ek de stilte brekke oer dogma’s: yn lyryk binne narrative eleminten rûnombywêzich. Dat is om de koerts, stap foar stap, fan de poëtyske tekst te regeljen. Likefolle hoe kompleks de psychologyske ûnderfiningen fan de sprekker en al hoe’t dy de dingen op ’e kop sette, it opinoarfolgjen, de dynamyske fuortgong fan uterjen en de memorabele kriemingen binne foar it mearpart de raison d’être fan it gedicht. Ommers de lyryske dissipline rjochtet him op wat ien sprekker sels oerkomt.

In heit as bern, in mem.
In mem as bern, in heit.
In bern as heit en mem.

Tsjinje, oerstekke, oersette, oerbrêgje, helpe: it bern-fan-dôve-âlden wêzen giet net ‘oer’ as jo folwoeksen en útflein binne. De earste sân gedichten foarmje in syklus. Dy jout in ynkringend byld fan de koda, kid of deaf adult, fan de konfrontaasje mei it stimpel fan ’e bernetiid oant de frijheid fan akseptaasje. Dôve of dovige âlden binne faak oanwiisd op it tolkjen fan de bern dy’t—lykas trouwens migrantebern—floeiend binne yn twa talen. Dat is swier, ek as it boadskip dat oerbrocht wurde moat net eat is dêr’t it bern net ryp foar is, mar bern kinne net dúdlik meitsje dat it dreech is. Faak libbet it húshâlden yn in isolemint. Buorlju tinke dat it bern ek dôf is, ommers hy praat mei syn hannen.

Sjoch dy fingers
flitterje, hoe fleurich
hy laket, hie kreas
hy prate kin.
Is it net in wûnder?
 
Sa stekt men in brêge oer:
net ien sjocht nei ûnder.

Fansels eagje de âlden foarút op de alderbêste útkomst foar har bern. De heit sjocht de hearrende ‘beuker’ yn it dôve húshâlden as in ferlosser fan syn heit: hy “sloech in bres yn ’t bastion/ fan dôfheid”. It bastionsymboal is in omkearing. Just de dôvetaal belegere de—fiktoriaanske—fêsting fan de minsklike unykheid en superioriteit. Oant Darwin syn Origin of species seagen se gebearte­taal as in primitive oerdrachtsfoarm, dy’t miskien sels tagonklik wie foar bisten. De fynst dat bisten wiswol ‘praten’ makke har in bytsje minsken en dat brocht in fûle ferdigening op gong. Noch altyd blykt “sljochtsjen” yn ’e praktyk dreech. Dôf wêzen is in kultuer, net in sykte, en in protte bern fan dôve âlden sille letter net mei de dôvekultuer en net mei de hearrendekultuer identifisearje, mar dertusken, op ’e brêge.

It ‘sels’ oerskriuwen komt nei de koda-syklus nochris werom, as in Skip fan Teseus. Dat tinkeksperimint giet oer identiteit, net oer sosjale identiteit en blokkearfries, mar oer it fraachstik oft in ding dat al syn bestândielen ferfongen hat, fûneminteel itselde ding bliuwt. De minsklike fel-syklus is fiif, seis wiken, dêrnei ha wy in hiel nij fel dus, freget de ‘ik’ him ôf: bin ik dan noch deselde? “Soks/ hat mei presinsje neat te krijen.” It frjemde wurd ‘presinsje’ docht it, lykas al it oare Latyns lienguod yn ’e bondel, wûnderlik goed. Want wat ís presinsje? It moast rymje op yntinsje, dus opsetsin; mar stjoert dat presinsje as kontrast wei fan Dasein, de aktiviteit fan bestean op ’e wrâld, nei in passive oanwêzichheid, ien dy’t ûnopsetlik hingjen bliuwt en oeral fielber is, ek al binne jo der net mear?

Sa gapje spaasjes tusken wurden, romte
dy’t betsjutting skept, brutsen
op ’e side

De sprekker ferliket geleafden har tekstleaze oanwêzichheid foar inoar mei donkere matearje. Gearstald út dieltsjes dy’t gjin ljocht opnimme, wjerkeatse of jouwe en gjin strieling útstjoere is dy ûnsichtber, mar syn swiertekrêfteffekt op oare objekten ferriedt op net út te wiskjen wize dat it der is. Dat sa hawwe de oare skiften miskien net sa’n útsprutsen tema as it earste, mar alle útwurkingen fan transkribearjen, lykas as ús fel dat himsels oerskriuwt, komme op it aljemint, en it gehiel hâldt de narrative eleminten fan plot, karakterisearring en gesichtspunt moai beet. Rûchwei is der de palimpest as metafoar foar de stêd en de palimpsest as metafoar foar skiedferfalsking.

It mannichfâld wiskjen fan midsieuske manuskripten en oerskriuwen mei oerlaapjende teksten troch inoar opfolgjende skribinten—kopiïsten meast sûnder authorial intent—is in akademyske allegory wurden foar de stêd. Faak bliuwe eardere teskten wol sichtber en ûntsiferber. Dêrom jout de palimpsest in manier fan tinken oer fysike stedsferoaring, mei nije en âlde bousels trochinoar hinne, likegoed as it feroarjen fan hoe’t de stêd meimakke wurdt: hoe’t libbensferhalen hieltyd opnij op en oer besteande plakken skreaun wurde. Palimpsest rekkenet ek de semyurbane omkriten dy’t wy it plattelân neame ta it wiske, of platbuldoazere, en yntinsyf beboude flak. Dat

lei der iensum by en sljochtskood
oan ’e eachein ta. It túch ferballe nei de berm, en net in protter
doarst it griene alter tsjotterjend te skeinen foar in wjirm.
Stil, as kaam der krekt in nije god foarby, dy’t sei:
jim kinne better swije.

Dat wjerspegelet Byron syn epyk, mei de held syn kuiers yn in ûnttsjoende wrâld. It archetype yn de bondel is de reizger. De romantyk is evidint, de karstien is Abe de Vries, te werkennen oan de tema/toankombinaasje fan mankelyk weromrinnen yn it eigen spoar. Tiid is in wichtich motyf. It hiele lêste skift giet oer tiidreizgjen, tiidkapsule en beferzen-tiidyllúzje. Mar dat liket net sasear fanwegen de romantyske—yn Fryslân osa populêre—obsesje mei tiid, of eins tydlikheid. Dat is om’t Palimpsest lyryk nimt foar wat it is: in temporele keunstfoarm. Ek lit dizze sprekker syn lilkens net ferstienje ta bitterheid. Doe en no minge har as er fysyk kuieret of fytst op grûn dy’t drinzge is fan oantinkens. Lilkens, dat primêre gefoel, is in primitive drigingsmelder, dus wurde jo lilk dan ha jo eat fernommen dat jo wearden bedriget, mear net.

    En wy?
Wy stape ús elemint ta polver
it pânser fan Macoma balthica
It núnderke ferplakke op in boaiem
sûnder wetterflak.
    Soms rint it sa.

It teklopjen fan de ierdkoarst bringt sels de núnder nei boppen, dy’t djip ûnder wetter libje kin en dan wol tritich jier âld wurdt. “Soms rint it sa”, letter werhelle as “Sa’t it giet”, is idioom foar it berêsten yn in situaasje, net perfoarst bitter of beskudigjend. Ek is ‘wy’ dizich. It is ûndúdlik oft de sprekker—überhaupt meigiet yn it modern tinken dat minsklike risseltaten de prestaasje binne fan yndividuele kopstikken, en—himsels ta de dieders rekkenet fan it opnij-tekene lânskip. “Wy […] lutsen linen oer it lân, skaten/ akkuraat de eleminten, god gelyk” lit tinke dat dy eleminten, net wy, lyksteld binne oan in hegere macht. Dat is in Freudiaanske ferskowing: it dreamtinken, de “rêverie” al kuierjend, moat him oanpasse nei sensuer. Ontogeneze, foarprogrammearre groeien fan in organisme, of de rûtine sa’t elk minske it ferrin fan syn eigen meitsjen belichemet, is it him net krekt.

Hoe dreech is woarteljen yn frjemde grûn

oftewol it sykjen om hâldfêst yn in foar jo nije taal; hoe fergees:

en wer yn humus opgean foar de oaren.

It knyppunt is de tsjinhinger fylogeneze: sa’t in organisme himsèls yn syn omkriten ûntjout. “As in bûke tocht ik, letter moat ik beam wêze.” In bûk is fansels in beam, “mei ringen om ’e tiid oan ôf te lêzen”, lykas de núnder, it homonym ringen is gau, de string lûden oa-ô-ê treft troch wanlûdichheid, en rymtwang en metryske twang falle wis net ûnfoardielich út. Dat dizze poëzy net keunst­mjittich, oer-konstruearre oanfielt komt mear om’t de dichter noch gjin fikse macht hat oer it ritme en it lûd. Ut ferlegenheid fariearret er op it metrysk plan of brûkt healrym, wat faak hiel goed ôfrint. Ek is der noch net alhiel de tekstuer dy’t Palimpsest mei syn programmatyske titel seit te sykjen: reliëf, ups & downs mei taastber ûnbehagen en fielbere, alhoewol tydlike ferromming. De taal is te min fleizich.

Werom nei diederskip: de ‘ik’ sjocht himsels as fûgelfaai. “Of bisto in klaaido lyk, in treffer ôf fan diggeljen?” Sa praat er gauris tsjin himsels yn ’e spegel: “Lis bleat, lis iepen”. De opbou fan it eigen ik is ôfhinklik fan de romte tusken talen, kultueren en plakken dy’t, yn ’e eagen fan de sprekker, ûnmooglik werom te winnen of te berikken binne, en fan it nije tahâld. Oergongsplakken, brêgen en spoarsstasjons, biede kreative—mar sterk politisearre—gelegenheid foar selsfoarming yn spegelpraat. Dan

[…] sjochtso in ultimo
de wiere dieder
sels.

Yn in selsbycht fan egoswakte, “konfrontaasje/ mei de swakte fan karakter”, blykt it ‘sels’ de wiere dieder.

Lyryske epifany, in iepenbiering fan wierheidswearde efter taal en empiryske ûnderfining, is ferbûn oan de ideology fan primiti­visme. Dàt is net samar it longerjen nei it simpele lân fan sûpenbrij en in slachtofferige distânsje fan de jammerdearlike ‘state of nature’. Mannichien dichtet oer behâld fan de gloarje fan eartiids, mar bliuwt pro minsklike beskaving. Guon lykwols achtsje de baten fan ’e technologysk foarútskode massamaatskippij de kosten net wurdich. Beskaving bringt ynherint it ferlies fan persoanlike frijheden, ûnearlike ûnderdrukking fan net-minsklike libbens­foarmen en grûnstofferbrûk op in skaal dy’t de planeet ferneatiget. De iennichste oplossing is alles efterlitte yn it foardiel fan in wylde mienskip fan jagersamlers. Sa marzjinaal as dy opfetting ek is, fantasearjen oer primitive natuertastannen is sa âld as de politike filosofy.

En earder, letter, kreupel faaks,
in jager mei in spear, in hear yn fol ornaat

Fierder longeret de sprekker gewoan nei “De stoomtrein,/ de smookkûpee,/ de piip.” Mar efter dat konservatisme, ûntkennen fan ferantwurdlikens foar it minsklik wolwêzen troch of nettsjinsteande technologyske foarútgong, dy nostalgy nei de “ûntrochsichtichheid” fan tsjokke tabaksmookwolken, dêr stiet de koda: dy fielt him stimleas yn it auditoarium. Jo meitsje him net samar wiis dat er faaks fet hat op syn wrâld. Oangripend is syn klacht dat, wylst de minske om te oerlibjen oanwiisd is op kennis fan tiid, dy hielendal gjin waarnimmingssysteem foar gronologyske tiid hat, en it dwaan moat mei in fuortbringsel fan de geast, in gefoel fan ferglydzjen fan tydlike ûnderfiningen.

Koe ik tiid as bloed ferjitte,
dan noch hie it gjin sin.
 
[…] it ivich permininte
is
dat ik dy mis.

It pleonasme is moai en de isolearre pleatsing fan ‘is’ effektyf. Yndie, it ôfskraabjen fan it djoere perkamint barde krekt dan as de eigner gjin wearde mear hechte oan de oarspronklike tekst. Stêd as palimpsest mist de machtsfaktor. “All history was a palimpsest, scraped clean and re-inscribed exactly as often as was necessary. In no case would it have been possible, once the deed was done, to prove that any falsification had taken place,” seit Orwell yn Nineteen eighty-four. Yn Palimpsest giet it:

Sa’t se yn it âlde Rome keizers wreed
fan bôgen, brêgen, timpelfriezen
útflakten, ferdomden ta ferjitnis:
damnatio memoriae.

Mar letter ûntdekt de ‘ik’ dat de machtige bestraffer, mei syn brute fûnis fan skrassen út de skiednis, dat is er sels. Ta syn hege rút út boppe in plein dat opnij fluorre wurdt, sjocht de ‘ik’ del op berne-arbeid. Hy skammet him, mar helpt de slachtofferkes net. Neam it omsteandereffekt, hoe dan ek, ús ivich oerskriuwen blykt ûnmooglik frij fan macht: “Kinst/ delsjen, mar/ it rêdt dy net.”

 

Erik Betten, Palimpsest, DeRyp, Warkum, 2021.

 

 

* Fers2 is antynasjonalistyk, gjin taalpurist, wol in ferskaatsoldaat dy’t him net út ksenofoby en de outgroup yn ’e groppe, mar krektoarsom foar it ferskaat­fuortsterkjen ferset tsjin taalferskowing nei it Hollingelsk.