image ‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot

Opiny

‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dofpot

Friduwih Riemersma - Fers2 7.5, 19 novimber 2021

Alle omtinken fan de krante foar de kromme kritearia dêr’t de Gysbert Japicxsjuery mei hifke hat—lykas ûnpersoanlikheid—liedt it omtinken wei fan dêr’t it kreaket: dat der hielendal gjin regels binne. Fan gefolgen is der eigenwille. Net allinne de sjuery 2021, mar elke Gysbertsjuery sil dobberje sûnder taak of doel, salang’t de priiseigner, de provinsje Fryslân, gjin reglemint ynstelt foar syn literêre priis. Dat lêze wy net yn de krante. Histoarysk past it út ’e wyn hâlden fan de oerheid by keunst dy’t in belieds­ynstrumint wurden is.

Unpersoanlikheid: dat is de mjitstêf om poëzy de de heechste ûnderskieding foar literatuer te jaan. Wiidweidich lei de foarsitter fan Gysbert Japicxsjuery, Jannes van der Velde, in wike lyn yn de Ljouwerter Krante hoe’t it siet. Wa’t oer himsels skriuwt, kin gjin grut publyk berikke. Dêrom wûn it wurk fan de âld-Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga, de literêre priis. Allyksa yn ’e Ljouwerter Krante makket Gerrit Lettinga gehakt fan de ûnpersoanlikheids­eask. Ommers Douwe Tamminga soe uterste persoanlik skreaun ha en just in soad lêzers berikt. Sa binne der plenty tsjinfoarbylden dy’t de ûnpersoanlikseask opblaze. Hat de sjuery sels net in ‘al te persoanlike’ kar makke? It stik oerstjûget. It is knap skreaun en de krante mei der wiis mei wêze—allinnich ferhoalet it kreas wat der mis is mei de Gysbert Japicxpriis.

Want de Ljouwerter stelt de reboelje oer de priis foar as stride­raasje oer smaak. Hoe kin de kultueryndustry en de boarger­maatskippij noch betrouwe op it smaakoardiel as de fynpriuwers utinoar rinnende gedachten hawwe oer de druven en it ikehout fan it wynfet?: dat liket de kwestje. Dy kwestje wurdt fierder delset as in yntern, endemysk mar ûnskealik dispút, trochdat de krante feit & ekspertize bûten de doar hâldt.

Want oer eat as keunst en persoanlikheid is al lang wittenskip­like konsensus. As jo sjogge nei de alderâldste keunstutering, de grotskilderingen, dan fine jo dêr gjin paleolityske Ikea-ynstruksjes of wat oars wrâldwiid ûnpersoanliks. Jo fine inkeld en allinne yntime ferhalen oer de empaty fan de minske mei syn direkte omkriten. Wittenskippers hawwe útfûn dat keunstners troch har bân mei har ynderlik in evolúsjonêre foarkar hiene. Se wiene mear seksy, krigen mear bern en sa ûntstie de homo aestheticus: de minske fan it gefoelslibben. Rjocht oerein rinne diene wy al, mar doe wiene wy echt gjin bisten mear. De Ljouwerter lit fierder gjin logikus oan it wurd, dy’t oanwiist dat der in gat yn de sjuery syn riddenearring sit. Ommers se ûnderbouwe net dat it winnende wurk wòl ûnpersoanlik is.

Mooglik moat wittenskip it ôflizze tsjin vox populi, om it demokratisearjen fan keunst: it grutte publyk? Fêst stiet dat al it hottefyljen oer de sjuery syn hanneljen weimuozzet wêr’t it krekt om giet: al op syn minst tweintich jier hat de provinsje Fryslân gjin reglemint foar syn belangrykste keunstpriis. Der is gjin regel dy’t seit dat de sjueryleden erkende literatuereksperts wêze moatte. Der is gjin regel dy’t de sjuery bynt oan in bestate opdracht of taak. Der is gjin regel dy’t seit dat de sjuery de keunst fuortsterkje moat, ynstee fan ôfbrekke yn ’e krante. De sjuery kin dêr neat oan dwaan—by de provinsje is der is folsleine eigenwille.

Dàt stiet net yn ’e krante, en ja, dat kin tafal wêze. Mar de Fryske kranten hawwe yn it kulturele haadstêdjier 2018 gjin goeie sier makke mei de ‘sponsored content’ fan de provinsjale oerheid. Nearne stie dat it om kochte kranteromte gie: om reklame ynstee fan sjoernalistyk. Ek typearret it ôfskermjen fan de oerheid altyd in fjild dêr’t keunst nuttich is foar de oerheid: dêr’t keunst sosjale doelmjittichheid en partisipaasjekânsen kweekje moat en dêr’t se alle keunstners ferienje yn it projekt fan nije sosjale netwurken. It krantedebat jout paradoksalerwize in prachtich kykje op de ta-eigening fan publyk en partisipaasje troch de oerheid, dy’t de keunst depolitisearret en feroaret yn tapast ûntwerp.

Mear fan Friduwih Riemersma

De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuer­ynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15