image kultuerpartisipaasje 2016
“Hoe faak giene jo nei teater (ynbegrepen sirkus) yn de lêste tolve moannen?” Italjaanske dataset kultuer­partisipaasje (Indagine Multiscopo sulle famiglie Italiane)

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 3.2, 29 jannewaris 2017

Akwadukten lekke altyd wat

Op ien dei, tongersdei 12 jannewaris, makke de provinsje Fryslân bekend dat de kultuer­partisipaasje yn Fryslân omdel gien wie en dat Fryslân mei de twa oare noardlike provinsjes in kultuerkonvenant ûndertekene hie. De doelen omfetsje de klisjees ‘eksperimintearregio’, ‘nij en oar publyk’, ‘geen eenheidsworst’, ‘dynamysk’, ‘goed te berikken’, ‘oparbeidzje ynstee fan konkurrearje’ en ‘in sûn, bloeiend kultureel klimaat’.Rixt Oenema, ‘Miljoenenfonds voor cultuur­experimenten’, Leeuwarder Courant, 12 jannewaris 2017 <http://www.lc.nl/cultuur/Miljoenenfonds-voor-cultuurexperimenten-21914963.html> [krigen 12 jannewwaris 2017]. Op it Frysk fan deputearre Poepjes nei, dat sa min is dat de krante opholden is mei total makeovers—“Ferdringing fan it budzjet giet net gebeuren”—stiet der neat bysûnders yn ’e krante. De Ljouwerter wethâlder Sjoerd Feitsma tinkt dat der by de wei fan festivals omtinken komme kin foar literatuer. Kultuerdeputearre Poepjes swaait mei it fingerke: “It moat net sa wêze dat minsken fuort geane omdat hjir neat is.” O kom op. Ynstee fan it elektroanysk kariljon spile niis in begenedige klokkenist live en ûnoankundige op it klokkespul fan ús Westertoer en neist my stiene Japanske toeristen stil om mei ús tillefoans de tierelantinen fan Bach te fangen dy’t heech út de tsjokke dize kamen en ús goed in healoere efternei dreaune op ’e Prinsegrêft. Wol de deputearre ús dy ferienigjende kultuer­partisipaasje ferbiede?

Formulearret de deputearre faaks kultuerpartisipaasje as minsken belûke by dy kultuer dy’t oerheids­subsidiearre is? Is dus it probleem mei kultuer­partisipaasje, yn it bysûnder mei it omleech­gean fan de Fryske kultuer­partisipaasje yn de jierren 2015-2016, dat net genôch minsken har ynlitte mei de kultuer dy’t de provinsje ûnderstipet? Want as it probleem fan kultuer­partisipaasje formulearre wurde soe as ûngelikense tagong ta kultuer foar de ferskillende maatskiplike groepen, wat ûnetysk is en de stabiliteit yn in maatskippij yn gefaar bringe kin, dan koe it de deputearre neat skele dat sels de mearderheid fan de minsken fuort giet, as dy groep dêr’t de al of net subsidiearre kultuer foar is mar werklik tagong hat. Dan liket it de deputearre spitich mar seit it har net folle dat de trochsneed kultuer­partisipaasje yn 2011 om de 39 persint hinne wie en dy yn 2015-2016 om de 35 persint hinne.Provinsje Fryslân, ‘Cultuurparticipatie in Fryslân 2016’, 19 december 2016, 32 <http://www.fryslan.databank.nl/report/Cultuurparticipatie%202016.pdf> [krigen 12 jannewaris 2017]. Mar wacht, is dat wol sa? De statistical release mist, de provinsje lit de boarger net witte hoe’t se metten hawwe,Cf. Department for Culture, Media and Sport, ‘Taking part 2014/15, Focus on: Wellbeing. Statistical Release’, GOV.UK/DCMS, novimber 2015 <https://www.gov.uk/government/uploads/system/uploads/attachment_data/file/476510/Taking_Part_201415_Focus_on_Wellbeing.pdf> [krigen 12 jannewaris 2017]. mar dêr is wol efter te kommen.

Om te begjinnen hat de provinsje net alle 646 tûzen en noch wat ynwenners fan FryslânFryslân hat yn augustus 2015 646.092 ynwenners en op 1 jannewaris 2016 646.040. frege om in fragelist yn te foljen. Der binne 8000 fragelisten opstjoerd nei blyn pripte “húshâldens”, 1422 kamen ynfolle werom, dy respons stimde net oerien mei de demografy fan Fryslân dus 14 fragelisten binne fuortsmiten en 1408 brûkt.Provinsje Fryslân, ‘Cultuurparticipatie in Fryslân 2016’, 19 december 2016, 12 <http://www.fryslan.databank.nl/report/Cultuurparticipatie%202016.pdf> [krigen 12 jannewaris 2017]. By in doelpopulaasje fan alle ynwenners fan de provinsje is in stekproef fan 1408 lyts. It kin wol, mar in lytse stekproef betsjut dat jo akseptearje dat yn, sis, fiif persint fan de kearen dat jo itselde survey útfiere de útslach hiel oars is as jo útslach. Boppedat akseptearje jo in hege margin of error—dat de jûne antwurden net oerienstimme mei it tinken en hanneljen fan de populaasje—dy’t leger wurde soe as jo jo stekproef grutter makke hiene. By in stekproef fan 1408 kin de margin of error wol trije persint (of mear) wêze, mei oare wurden, de trochsneed kultuer­partisipaasje yn 2015-2016 lei tusken de 35-3 persint en 35+3 persint. As dy fan 2011 tusken de 39-3 en 39+3 persint wie, is der in oerlaap. Dat der kin delgong wêze, of tanimmen. Oare redenen om foarearst jo triennen te droegjen, deputearre Poepjes, binne dat de resultaten fan de twa ûndersiken, oars as dat jo miene, net te ferlykjen binne en, slimmer, dat de mjitting hielendal net doocht. En jo belied ek net.

Wat de lêste mjitting oanbelanget is it apart dat it Fries Sociaal Planbureau yn novimber 2016 in dielûndersyk fan it provinsjale kultuer­partisipaasjeûndersyk publisearret, nammentlik nei de senioaren, en yn de boarnen fan de eigen publikaasje ‘Cultuur­participatie in Fryslân 2016’ opnimt, sûnder ‘yn tarieding’ derby.Fries Sociaal Planbureau, ‘Fluchskrift: Cultuurdeelname senioren in Fryslân’, FSP, novimber 2016 <https://www.friessociaalplanbureau.nl/sites/default/files/field_dldbl_file/publicatie_cultuurdeelname_van_senioren_in_fryslan.pdf> [krigen 12 jannewaris 2017]. As it klear wie, alle sifers wiene der, wêrom duorre it dan noch in moanne foar’t it rapport ferskine soe? Kamen se der doe krekt efter dat der tefolle ‘senioare’ manlju yn it ûndersyk sieten om represintatyf te wêzen foar de befolking fan Fryslân en ha se hurd 14 antwurdfellen fuortsmiten en opnij rekkene?

Keunstbesite makket net gelokkich

Kultuerpartisipaasje is in âld doel. De politike demokrasy fan foar it grutste part de ferline ieu hat laat ta in opfetting fan kulturele demokrasy. Yn prinsipe hawwe alle minsken rjocht op har eigen kulturele foarkar, alle kulturele diversiteit wurdt beskerme en fuortsterke, alle minsken kinne en meie partisipearje yn belieds­besluten oangeande de kwaliteit fan har kulturele libben en elkenien hat earlike en gelikense tagong ta kulturele boarnen en kulturele stipe. Fan ferskate kanten is derop wiisd dat de fisy fan kulturele demokrasy net ymplemintearre is yn it iepenbiere libben. Bygelyks is frijheid fan kulturele foarkar net opnommen yn it ûnderwiis, wat it dreech makket om in literatuerstúdzje te dwaan bûten de kanon.Douwe Fokkema, ‘Foreword’, yn: Ann Rigney en Douwe W. Fokkema (red.), Cultural participation: Trends since the middle ages (Amsterdam / Philadelphia 1993) vii-ix. De politike demokrasy hat de hierargy fan kulturele wearden uterstee net trochbrutsen, mar wol is it lestich te foarsizzen hokker kulturele wearden moarn de hege kultuer en de lege kultuer útmeitsje,Herbert Gans, Popular culture and high culture: An analysis and evaluation of taste (New York 1999) xiii, 106. en wa’t dêr kontrôle oer ha.Pierre Bourdieu, ‘The forms of capital’, yn: J.E. Richardson (red.), Handbook of theory and research for the sociology of education (New York 1986) 241-258, 246. Dat lêste is it probleem fan de kultuer­partisipaasje.

Kultuerpartisipaasje stiet yn de kultuernota ûnder it ûnferwachtse kopke ‘Amateurkunst’. “[We] “vinden het ook belangrijk dat alle inwoners van Fryslân betrokken zijn en blijven bij culturele activiteiten. Om die reden houden wij in ons autonome beleid aandacht voor cultuur­participatie. Niet in de laatste plaats vanwege de sterke gemeenschapszin in de Friese samenleving, die door culturele activiteiten wordt gevoed. Maar ook omdat kunstbeoefening en -bezoek bijdraagt aan het algemeen welzijn van mensen.”Provinsje Fryslân, Grinzen oer: Yntegrale beliedsnota kultuer, taal en ûnderwiis (Ljouwert 2013) 18. Dat “keunstbesite”, wat dat ek wêze mei, it wolwêzen fan minsken grutter makket heart ta de sa faak werhelle gjalpen dat se klinke as evidinte wierheid, mar it ûnsin. De faktoaren foar subjektyf wolwêzen, oftewol gelok, binne immen syn temperamint, in goede fysike en mentale sûnens, de mooglikheid om yn it basisferlet te foarsjen, de maatskippij dêr’t immen yn libbet, reedlike libbensomstannichheden en befredigjend wurk, en benammen goede persoanlike, yntime bannen lykas famylje, it houlik en freonen.Edward Diener, ‘Happiness: the science of subjective well-being’, yn Robert Biswas-Diener en Edward Diener (red), Noba textbook series: Psychology (Champaign, IL 2017) <http://dx.doi.org/nobaproject.com>; Edward Diener en Robert Biswas-Diener, Happiness: Unlocking the mysteries of psychological wealth (Malden, MA 2008); Edward Diener, ‘Subjective well-being’, Psychological Bulletin 95(1984) 542–575; C.G. Jung, en William McGuire en R.F.C. Hull (red.), C.G. Jung speaking (Princeton, NJ 1987) 451; Martin E. P. Seligman, Authentic happiness: Using the new positive psychology to realize your potential for lasting fulfillment (New York ensfh. 2002) 144, 148, 187, 192 et passim. Psycholooch Seligman seit: “Yn feite binne der mar in bytsje sterkere foarsizzers fan gelok as in nauwe, fiedende, earlike, yntime, libbenslange kammeraatskip mei immen syn bêste freon.”Martin E. P. Seligman, Authentic happiness: Using the new positive psychology to realize your potential for lasting fulfillment (New York ensfh. 2002) 187. (Sitearret David Myers, út dy syn American paradox.) De relaasje tusken keunstbesite en wolwêzen is spurieus: it binne de freonen dy’t mei jo by de keunst op besite geane dy’t jo gelokkich meitsje.Marian Barnes, Care in everyday life: An ethic of care in practice (Bristol, UK / Chicago, Il: the Policy Press, 2012) 92. Fan keunstbesite op himsels wurdt gjinien gelokkiger.

Yn it provinsjaal koalysjeakkoart komt kultuurpartisipaasje sa nei foaren: “Doel 13. Wy fine it ek tige wichtich dat elkenien de gelegenheid hat om te genietsjen fan kultuer én om dêroan mei te dwaan. Resultaat 13: mear Friezen dogge mei oan muzyk-, dûns- en toniellessen.”Provinsje Fryslân, ‘Mei elkenien foar elkenien: Koälysjeakkoart 2015-2019. Seis ambysjes foar Fryslân’, 23 <http://www.fryslan.frl/document.php?m=16&fileid=955&f=fda6de776eba53be6ef19de87a20eb0f&attachment=0> [krigen 23 jannewaris 2017]. Yn de provinsjale begrutting 2016 stiet dan: “Kultuer­partisipaasje; Yndikator: Oantal minsken yn Fryslân dat meidocht; Doelwearde 2016: 38%; Prognoaze 2016: grien [te dwaan].”Provinsje Fryslân, ‘Begroting 2016, Tweede bestuursrapportage, 8.1 Cultuur’ <https://provinciale-begroting.frl/2016/planning-control/tweede-bestuursrapportage/beleidsprogrammas/programma-8-cultuur-taal-en-onderwijs/8-1-cultuur/> [krigen 23 jannewaris 2017]. Om te sjen oft it sifer helle wie hat de provinsje in jier lyn, begjin 2016, “syn ynwenners frege nei harren kultuer­partisipaasje. Frege is hoe wichtich oft hja tinke dat kultuer is en foar hoefier oft hja der sels aktyf mei dwaande binne. En hokker opkear oft hja ûnderfine by it besykjen of sels aktyf útoefenjen fan keunst en kultuer.”Fries Sociaal Planbureau, ‘Fluchskrift: Cultuurdeelname senioren in Fryslân’, novimber 2016 <https://www.friessociaalplanbureau.nl/sites/default/files/field_dldbl_file/publicatie_cultuurdeelname_van_senioren_in_fryslan.pdf> [krigen 12 jannewaris 2017]. Yn it rapport ‘Cultuur­participatie in Fryslân 2016’ binne de beliedsdoelen formulearre as: “I. Zoveel mogelijk jongeren in Fryslân komen via het onderwijs in aanraking met cultuur en maken kennis met het Verhaal van Fryslân. II. Wij streven een toename van 5% na van het aantal mensen dat actief en passief mee- doet aan projecten en producties op het gebied van onze taal en cultuur.”Provinsje Fryslân, ‘Cultuurparticipatie in Fryslân 2016’, 19 december 2016, 11 <http://www.fryslan.databank.nl/report/Cultuurparticipatie%202016.pdf> [krigen 12 jannewaris 2017]. It ‘Ferhaal fan Fryslân’ is in leechdrompelige promosjonele útstalling fan artefakten yn it Fries Museum.

De UNESCO wiist in ûnderskied tusken aktive en passive partisipaasje by it mjitten fan kultuer­partisipaasje al desennialang ôf.Adolfo Morone, ‘Guidelines for cultural participation’, UNESCO Institute for Statistics, desimber 2006, 31 <http://www.uis.unesco.org/Library/Documents/culpart06.pdf> [krigen 22 jannewaris 2017]. De provinsje docht dat net, jout gjin reden, jout ek gjin aparte berekkening fan de aktive partisipaasje,Provinsje Fryslân, ‘Cultuurparticipatie in Fryslân 2016’, 19 december 2016, 31 <http://www.fryslan.databank.nl/report/Cultuurparticipatie%202016.pdf> [krigen 12 jannewaris 2017]. mar makket mei syn kar foar in aktyf-passyûnderskied wol dúdlik dat syn definysje fan kultuer­partisipaasje in beskate autoriteit ken: ek it ‘passyf meidwaan’ is oan ‘projekten’ en ‘produksjes’, dat wol sizze oan organisearre saken yn ’e publike sfear en net oan it thús harkjen nei de sjongende buorman. Fia it ûnderwiis yn kontakt komme mei kultuer is ûnûntkomber kontakt mei de kultuer, wearden en belangen fan de dominante groep, sa’t dy oerdroegen wurde troch learkrêften, skoalboeken, repetysjes, klaaigedrach, dissiplinearjend belied en allerhanne ûnsichtbere hegemonyske krêften.Peter McLaren, Life in schools: An introduction to critical pedagogy in the foundations of education (New York : Longman, 1998) 179. Sa’n definysje fan kultuer­partisipaasje maskearret de machtsrelaasjes op it mêd fan kultuer­partisipaasje.

Sosjale problemen binne gjin feiten mar definisjonele hannelingen fan minsken oangeande beskate situaasjes dy’t hja ûnderfine as dreech; sosjale problemen binne dus konstruksjes.Fan de konstruktivistyske sosjology is it sosjaal probleem teoretisearre troch Blumer en Spector & Kitsuse; fan de tekst- en diskoersstúdzje út troch Foucault en Laclau en Mouffe. It sifer fan 32 oant 38 persint fan de Friezen dy’t partisipearje soene falt ûnder of krekt op it yndikatorsifer: dêrmei is de kultuer­partisipaasje definiearre as in probleem. Stevenson, de non-participation-ekspert dy’t frij konsekwint skrapkes set om it ‘probleem’ fan ‘net-partisipearjen’ hinne, leit út dat de probleem­konstruksje fan net-partisipearjen yn it earste plak tsjinnet, sa’t ik hjirboppe sjen liet, as rjochtfeardiging fan in ‘oplossing’ dy’t oan it probleem foarôfgie, nammentlik oerheids­subsydzjes foar kultuer. Twad is it probleem in articulatory practice dy’t net allinne sosjale relaasjes gearstalt en regelet, mar ek asymmetryske machts­ferhâldingen ûnderstipet en talit dat ûngelykheid yn de maatskippij tagelyk as ûnûntkomber en ferstannich sjen litten wurdt.David John Stevenson, Understanding the problem of cultural non-participation: Discursive structures, articulatory practice and cultural domination, Proefskrift Filosofy, Queen Margaret University, Edinburgh (Edinburgh 2016) 33, 161 <http://etheses.qmu.ac.uk/id/eprint/2198> [lêste oanpassing 26 augustus 2016].

It Fries Museum hat net ien fergese jûnsiepenstelling wyks, it Provinsjehûs iepenet de doarren nei syn prachtige keunstkolleksje net in pear oerkes yn ’e moanne foar it publyk, de njoggentjinde-ieuske ‘lege’ Fryske literatuer wurdt net ûnderstipe, in dichter fan Fryslân komt der mar net en de hynsteshow De Stormruiter hâldt inkeld syn wearde by in idee fan eksklusiviteit. It is hielendal net de bedoeling dat elkenien aansen passyf partisipearret. De UNESCO hâldt út dat kultuer­partisipaasje kultuerkommunikaasje is.Adolfo Morone, ‘Guidelines for cultural participation’, UNESCO Institute for Statistics, desimber 2006, 31-32. <http://www.uis.unesco.org/Library/Documents/culpart06.pdf> [krigen 22 jannewaris 2017]. Mar in kultuerhegemony hat gjin belang by kommunisearjen oer kultuer. Krekt oarsom, seit Stevenson, helpt it etikettearjen fan in groep as net-partisipanten om har ta swijen te bringen as it oer kultureel belied giet. Oerheids­subsydzje giet inkeld nei de minsken dy’t de kulturele wearden akseptearje fan wa’t op kultuermêd de baas is; op dy manier bliuwt de status-quo bewarre.David John Stevenson, Understanding the problem of cultural non-participation: Discursive structures, articulatory practice and cultural domination, Proefskrift Filosofy, Queen Margaret University, Edinburgh (Edinburgh 2016) 239, 260, 286, 296 <http://etheses.qmu.ac.uk/id/eprint/2198> [lêste oanpassing 26 augustus 2016].

Trochrinnende wynbrauwen

It kultuerpartisipaasjeûndersyk is, seit de provinsje, in werhelling fan dat út 2011, dat op basis fan ’e Richtlijn Cultuur­participatie Onderzoek fan it ministearje fan UK&W opset is foar befolkingsûndersyk.Provinsje Fryslân, ‘Cultuurparticipatie in Fryslân 2016’, 19 december 2016, 12 <http://www.fryslan.databank.nl/report/Cultuurparticipatie%202016.pdf> [krigen 12 jannewaris 2017]. It docht bliken dat dat in frijbliuwende basis is. Want in grut ferskil is dat de rjochtline gegevens wol oer persoans­karakter­istiken lykas etnyske eftergrûn, ynkommen en oplieding,S.G. Rijpma en C. Roques, Richtlijn Cultuurparticipatie Onderzoek (RCO) (Rotterdam 2001). allinne dan kinne jo de kwetsbere groepen identifisearje, mar it ûndersyk befettet mar ien fraach oer ynkommen dy’t net beandere hoecht te wurden en ien oer de heechst foltôge oplieding,Provinsje Fryslân, ‘Cultuurparticipatie in Fryslân 2016’, 19 december 2016, 36 <http://www.fryslan.databank.nl/report/Cultuurparticipatie%202016.pdf> [krigen 12 jannewaris 2017]. wylst bekend is dat opliedings­nivo allinne net alles seit oer kultureel kapitaalNan Dirk de Graaf en Paul M. de Graaf, ‘Cultureel kapitaal en sociale reproductie: Cohorten tussen 1930 en 1975 vergeleken’, yn H. B. G. Ganzeboom en M. Damen (Eds.), Jaren van onderscheid: Trends in cultuurdeelname in Nederland (Cultuur+ educatie; No. 7) (Utrecht 2003) 72-95. en it effekt fan oplieding op kultuer­partisi­paasje net kostant is yn de tiid: oplieding allinnich bringt ferskillen yn kultuer­partisi­paasje net yn kaart.Jos de Haan en Wim P. Knulst, Het bereik van de kunsten: Het culturele draagvlak 4 (Den Haag 2000). Dêrneist binne mei it each op de kulturele haadstêd yn 2018 de fragen dêrop oanpast. Wêrom’t dat dien is wurdt net taljochte, mar yn 2011 wie de kulturele haadstêd noch gjin feit. En fan dat evenemint binne de lange termyn ‘spearpunten’ “het verbeteren van het onderwijs, het bevorderen van participatie van kwetsbare groepen en het vergroten van de werkgelegenheid,”Provinsje Fryslân, ‘Eenmeting evaluatie & monitoring Leeuwarden/Fryslân 2018 en Voortgangsrapportage derde kwartaal 2016 van de stichting Kulturele Haadstêd 2018’, 3 <http://www.fryslan.frl/21255/ingekomen-stukken-week-50/files/04-brief ds eenmeting evaluatie en monitoring leeuwarden fryslân 2018 20161214.pdf> [krigen 19 jannewaris 2017]. dêrfan sil it twadde doel it argumint west ha om de fragen oan te passen. Mar oanpassen fan de fragelist makket ferlykjen mei de nulmjitting yn 2011 ûnmooglik.

De provinjes hat kompleet ynfolle fraachformulieren fuort­smiten, seit de provinsje, dat it ûndersyk is represintatyf.Provinsje Fryslân, ‘Cultuur­participatie in Fryslân 2016’, 19 december 2016, 12 <http://www.fryslan.databank.nl/report/Cultuurparticipatie%202016.pdf> [krigen 12 jannewaris 2017]. Mar wat is represintatyf? Yn in mânsk ûndersyk dat twa statistisy, Kruskal en Mosteller, útfierden nei it brûken fan de term ‘represintative stekproef’ yn wittenskiplike en net-wittenskiplike literatuer, fûnen hja njoggen betsjuttingen, fan “General acclaim for data. It means not much more than a general assurance, without evidence, that the data are OK” oant “good enough for a particular purpose.”Kruskal en Mosteller identifisearren yn harren stúdzjes (1979a, 1979b en 1979c) dizze betsjuttingen fan ‘representative sampling’: 1. general acclaim for data, 2. absence of selective forces, 3. miniature of the population, 4. typical or ideal case(s), 5. coverage of the population, 6. a vague term, to be made precise, 7. representative sampling as a specific sampling method, 8. permitting good estimation, of 9. good enough for a particular purpose. William Kruskal en Frederick Mosteller. ‘Representative sampling, I: Nonscientific literature’, International Statistical Review 47 (1979) 13–24; William Kruskal en Frederick Mosteller, ‘Representative sampling, II: Scientific literature, excluding statistics’, International Statistical Review 47 (1979) 113–127; William Kruskal en Frederick Mosteller, ‘Representative sampling, III: the current statistical literature’, International Statistical Review 47 (1979) 245–265; William Kruskal en Fredrick Mosteller, ‘Representative sampling, IV: the history of the concept in statistics’, 1895 - 1939, International Statistical Review 48 (1980) 169–195. Hja befellen oan it R-wurd net te brûken mar sekuer te beskriuwen wat jo bedoele. Wat de provinsje opskriuwt is lykwols dat de betrouberens fan it ûndersyk de 95 persint net iens hellet, om’t sa’t ik al sei, de stekproef te lyts is. Mar de represintativiteit soe goed wêze om’t it om in woegen stekproef giet: “De kenmerken van de respondenten zijn namelijk van invloed op de cultuur­participatie.” Dat soe kinne, mar dan moatte dy karakteristiken bekend wêze út wittenskiplike literatuer, empiry en teory; it is net genôch dat de provinsje efterôf in ferskil yn kultuer­partisipaasje tusken bygelyks manlju en froulju en jong en âld fêststelt.

Myn broer hat ris in HBU-skripsje fan syn stazjêr ôfkard. De stazjêr hie befeiligingssoftware foar in bank ûntwikkele dy’t persoanen mei trochrinnende wynbrauwen tsjinhold. Ut de test die bliken dat alle minsken mei trochrinnende wynbrauwen yndie keard waarden en ek dat de malversaasjes omdel giene. Dus de bank wie bliid en de skoalle joech in foldwaande. Mar nearne yn de literatuer is in ferbân tusken trochrinnende wynbrauwen en kriminaliteit bekend. It efterôf fûne ferbân kaam troch metoadyske bias en tafal. Ut de wittenskiplike literatuer is bekend dat de determinanten fan kulturele aktiviteit—as dy kulturele aktiviteit tagonklik is, dat wol sizze bekendmakke en goed te berikkenIt giet om de ynfrastruktuer lykas de geografyske en om de kulturele ynfrastruktuer, lykas oanbod, sprieding, ynformaasje.—binne: beskikbere tiid en foar dielnimmen easke tiid, b. beskikber ynkommen en de foar dielnimmen te beteljen jildpriis, c. feardigens yn it ferarbeidzjen fan kulturele ynformaasje en de kompleksiteit fan de te ferarbeidzjen kulturele ynformaasje, en d. statusmotivaasje oangeande it kultuerdielnimmen en de sosjale drompels dy’t om de kulturele aktiviteiten hinne lizze.Harry Ganzeboom, Cultuurdeelname in Nederland: Een empirisch-theoretisch onderzoek naar determinanten van deelname aan culturele activiteiten (Assen 1989) 176. Dus gjin sekse, noch leeftyd. Alle troch de provinsje fûne sekse- en leeftydsferskillen binne spurieus en ta te wizen oan ’e boppeneamde determinanten plus tafal.

Oer de woegen stekproef dit. It standertmodel fan stekproef­nimmen is dat der in doelpopulaasje is dêr’t jo in útspraak oer dwaan wolle, dy doelpopulaasje bestiet út stekproefienheden, lykas in persoan of in húshâlden—dat is by de provinsje nammers ek misgien want de stekproefienheid wie húshâldens mar gegevens binne sammele oer persoanen âlder as achttjin—en om’t net de hiele doelpopulaasje berikt wurde kin, lykas dat part dat yn ynrjochtingen wennet, sprekke jo oer in stekproef­populaasje. Fan rjochten kinne útspraken allinne dien wurde oer de stekproef­populaasje, dus net oer alle folwoeksen Friezen. In stekproef is in dielgroep fan de stekproef­populaasje, dy’t alle relevante karakteristiken hat dy’t de populaasje ek hat. De relevânsje fan de karakteristiken is beskiedend foar represintativiteit en moat út oare boarnen helle wurde, sa’t ik niis sein haw, as it ûndersyk sels dêr’t de stekproef foar nommen wurdt. De ideale stekproeffoarm is in blyn lutsen stekproef, sadat alle Friezen boppe de achttjin yn ’e stekproef­populaasje in like grutte kâns hawwe om yn de stekproef te kommen: probability sampling. Ek de provinsje begûn mei in “aselecte steekproef uitgezet onder 8000 huishoudens.”Provinsje Fryslân, ‘Cultuur­participatie in Fryslân 2016’, 19 december 2016, 4 <http://www.fryslan.databank.nl/report/Cultuurparticipatie%202016.pdf> [krigen 12 jannewaris 2017]. Mar dêrnei garre de provinsje net alle gegevens fan alle persoanen yn dy húshâldens, mar liet it oan de adressearren sels oer wa’t andere en wa net. Sûnt Shere Hite 100.000 froulju frege nei leafde en relaasjes en har rapport skreau op basis fan de 4,5 persint respons stiet de voluntary response sampling bekend as in striemin stekproefûntwerp: dy is altyd partidich.

Quota sampling is in non-probalility stekproeftechnyk om yn ’e stekproef in proporsjonele fertsjintwurdiging fan ienheden mei in beskate karakteristyk te garandearjen, sadat de stekproef in goede ôfspegeling fan de populaasje is. Jo lûke dan aselekt it foarskreaune tal fan de subgroepen, meastal gender- en leeftydsgroepen, út de stekproef­populaasje. Mar de provinsje hat keazen om ôf te wachtsjen wat der binnenkaam oan antwurdfellen en by eventuele oer- en ûnderfertsjintwurdiging fan subgroepen yn de stekproef gewichten ta te kennen oan de stekproefienheden. De respons fan de ûnderfertsjintwurdige subgroep, lykas ‘jonge manlju’, telt dan bygelyks twa kear en de respons fan in oerfertsjintwurdige subgroep mar ien kear, om de proporsjes yn de populaasje benei te kommen. Dat kin wol, mar inkeld en allinne as der in bline stekproef wie is der dêrnei represintativiteit. Wat de provinsje dien hat is mei de gewichten de bias fan de partidige stekproef ferdûbelje. Dêrnei hat de provinsje ek noch ris efterôf, blyn of sjende, 14 antwurdfellen fuortdien, sadat de statistyske ôfliedingen inkeld noch jilde foar de stekproef sels mar de útkomsten net mear generalisearre wurde kinne nei de populaasje fan alle Friezen.

Dan ha wy it noch net hân oer de represintativiteit yn 2011 en oer metoadyske flaters lykas liedende en sletten fragen—dy’t inkeld gean oer wat de provinsje rekkenet ta kultuer mar net oer oare mooglike kulturele aktiviteiten om’t kultuer ûnrjochtlik holden is foar (sosjo)ekonomysk ûntjouwingsynstrumintStichting Kulturele Haadstêd, Samenvatting Bidbook Lwd2018 (Ljouwert 2012) 7; Cf. ‘What ABS cultural participation data tells us about cultural policy’, The Conversation, 26 febrewaris 2015 <http://theconversation.com/what-abs-cultural-participation-data-tells-us-about-cultural-policy-37912> [krigen 23 jannewaris 2017]; Matthew Westwood, ‘George Brandis details Coalition’s arts manifesto’, TheAustralian, 20 augustus 2013 <http://www.theaustralian.com.au/arts/george-brandis-details-coalitions-arts-manifesto/news-story/448d878fcbd8181ba484583a38ae68b0?nk=e5c52a79e8fdcc4e43ae52139d36420a-1485593862> [krigen 23 jannewaris 2017].—en minne kodearingsramten. Mar as kwantifisearjend ûndersyk om de ien of oare reden lestich út te fieren is kinne kwalitative metoaden, lykas ekspertmeetings of debatten ek it needsaaklik ynsjoch jaan, ek oangeande maatskiplike ûntjouwingen yn relaasje ta it belied.O. Kersten, W.J. van Silfhout en F.M.H.M. Driessen, Actieplan cultuurbereik II: Nulanalyse en nulmeting (Utrecht 2006) 86 <https://www.bureaudriessen.nl/publicaties/ACB%20rapport%20eindversie-X-def.pdf> [krigen 12 jannewaris 2017]. Statistyk is net langer kryptysk en ferburgen en dêrtroch ûntsachlik. Fan in studint dy’t ik coachte waard it statistykwurkstik ôfkard op fertinking fan fraude, want der sieten bewurkingen yn dy’t har dosint har net leard hie en dy’t te dreech foar har wêze soene, mar doe’t hja de eksamenkommisje fan har universiteit earlik fertelde hat hja de statistyske oanpak op Youtube opsocht hie, hie hja wol rúzje mei de dosint, mar hja is fuort frijsprutsen. It is foar alle bewenners fan Fryslân ienfâldich om út te finen hokker flaters oft de provinsje makket en dat soe foar de provinsje dochs reden genôch wêze moatte om net hieltyd de kantsjes der fan ôf te rinnen. Mar nee. Akwadukten lekke altyd wat, seit kultuer­deputearre Poepjes.‘Lekkend aquaduct bij Burgum’, Friesch Dagblad, 12 jannewaris 2017, 1.

Noaten

  1. Rixt Oenema, ‘Miljoenenfonds voor cultuurexperimenten’, Leeuwarder Courant, 12 jannewaris 2017 <http://www.lc.nl/cultuur/Miljoenenfonds-voor-cultuurexperimenten-21914963.html> [krigen 12 jannewwaris 2017].
  2. Provinsje Fryslân, ‘Cultuurparticipatie in Fryslân 2016’, 19 december 2016, 32 <http://www.fryslan.databank.nl/report/Cultuurparticipatie%202016.pdf> [krigen 12 jannewaris 2017].
  3. Cf. Department for Culture, Media and Sport, ‘Taking part 2014/15, Focus on: Wellbeing. Statistical Release’, GOV.UK/DCMS, novimber 2015 <https://www.gov.uk/government/uploads/system/uploads/attachment_data/file/476510/Taking_Part_201415_Focus_on_Wellbeing.pdf> [krigen 12 jannewaris 2017].
  4. Fryslân hat yn augustus 2015 646.092 ynwenners en op 1 jannewaris 2016 646.040.
  5. Provinsje Fryslân, ‘Cultuurparticipatie in Fryslân 2016’, 19 december 2016, 12 <http://www.fryslan.databank.nl/report/Cultuurparticipatie%202016.pdf> [krigen 12 jannewaris 2017].
  6. Fries Sociaal Planbureau, ‘Fluchskrift: Cultuurdeelname senioren in Fryslân’, FSP, novimber 2016 <https://www.friessociaalplanbureau.nl/sites/default/files/field_dldbl_file/publicatie_cultuurdeelname_van_senioren_in_fryslan.pdf> [krigen 12 jannewaris 2017].
  7. Douwe Fokkema, ‘Foreword’, yn: Ann Rigney en Douwe W. Fokkema (red.), Cultural participation: Trends since the middle ages (Amsterdam / Philadelphia 1993) vii-ix.
  8. Herbert Gans, Popular culture and high culture: An analysis and evaluation of taste (New York 1999) xiii, 106.
  9. Pierre Bourdieu, ‘The forms of capital’, yn: J.E. Richardson (red.), Handbook of theory and research for the sociology of education (New York 1986) 241-258, 246.
  10. Provinsje Fryslân, Grinzen oer: Yntegrale beliedsnota kultuer, taal en ûnderwiis (Ljouwert 2013) 18.
  11. Edward Diener, ‘Happiness: the science of subjective well-being’, yn Robert Biswas-Diener en Edward Diener (red), Noba textbook series: Psychology (Champaign, IL 2017) <http://dx.doi.org/nobaproject.com>; Edward Diener en Robert Biswas-Diener, Happiness: Unlocking the mysteries of psychological wealth (Malden, MA 2008); Edward Diener, ‘Subjective well-being’, Psychological Bulletin 95(1984) 542–575; C.G. Jung, en William McGuire en R.F.C. Hull (red.), C.G. Jung speaking (Princeton, NJ 1987) 451; Martin E. P. Seligman, Authentic happiness: Using the new positive psychology to realize your potential for lasting fulfillment (New York ensfh. 2002) 144, 148, 187, 192 et passim.
  12. Martin E. P. Seligman, Authentic happiness: Using the new positive psychology to realize your potential for lasting fulfillment (New York ensfh. 2002) 187. (Sitearret David Myers, út dy syn American paradox.)
  13. Marian Barnes, Care in everyday life: An ethic of care in practice (Bristol, UK / Chicago, Il: the Policy Press, 2012) 92.
  14. Provinsje Fryslân, ‘Mei elkenien foar elkenien: Koälysjeakkoart 2015-2019. Seis ambysjes foar Fryslân’, 23 <http://www.fryslan.frl/document.php?m=16&fileid=955&f=fda6de776eba53be6ef19de87a20eb0f&attachment=0> [krigen 23 jannewaris 2017].
  15. Provinsje Fryslân, ‘Begroting 2016, Tweede bestuursrapportage, 8.1 Cultuur’ <https://provinciale-begroting.frl/2016/planning-control/tweede-bestuursrapportage/beleidsprogrammas/programma-8-cultuur-taal-en-onderwijs/8-1-cultuur/> [krigen 23 jannewaris 2017].
  16. Fries Sociaal Planbureau, ‘Fluchskrift: Cultuurdeelname senioren in Fryslân’, novimber 2016 <https://www.friessociaalplanbureau.nl/sites/default/files/field_dldbl_file/publicatie_cultuurdeelname_van_senioren_in_fryslan.pdf> [krigen 12 jannewaris 2017].
  17. Provinsje Fryslân, ‘Cultuurparticipatie in Fryslân 2016’, 19 december 2016, 11 <http://www.fryslan.databank.nl/report/Cultuurparticipatie%202016.pdf> [krigen 12 jannewaris 2017]. It ‘Ferhaal fan Fryslân’ is in leechdrompelige promosjonele útstalling fan artefakten yn it Fries Museum.
  18. Adolfo Morone, ‘Guidelines for cultural participation’, UNESCO Institute for Statistics, desimber 2006, 31 <http://www.uis.unesco.org/Library/Documents/culpart06.pdf> [krigen 22 jannewaris 2017].
  19. Provinsje Fryslân, ‘Cultuurparticipatie in Fryslân 2016’, 19 december 2016, 31 <http://www.fryslan.databank.nl/report/Cultuurparticipatie%202016.pdf> [krigen 12 jannewaris 2017].
  20. Peter McLaren, Life in schools: An introduction to critical pedagogy in the foundations of education (New York : Longman, 1998) 179.
  21. Fan de konstruktivistyske sosjology is it sosjaal probleem teoretisearre troch Blumer en Spector & Kitsuse; fan de tekst- en diskoersstúdzje út troch Foucault en Laclau en Mouffe.
  22. David John Stevenson, Understanding the problem of cultural non-participation: Discursive structures, articulatory practice and cultural domination, Proefskrift Filosofy, Queen Margaret University, Edinburgh (Edinburgh 2016) 33, 161 <http://etheses.qmu.ac.uk/id/eprint/2198> [lêste oanpassing 26 augustus 2016].
  23. Adolfo Morone, ‘Guidelines for cultural participation’, UNESCO Institute for Statistics, desimber 2006, 31-32. <http://www.uis.unesco.org/Library/Documents/culpart06.pdf> [krigen 22 jannewaris 2017].
  24. David John Stevenson, Understanding the problem of cultural non-participation: Discursive structures, articulatory practice and cultural domination, Proefskrift Filosofy, Queen Margaret University, Edinburgh (Edinburgh 2016) 239, 260, 286, 296 <http://etheses.qmu.ac.uk/id/eprint/2198> [lêste oanpassing 26 augustus 2016].
  25. Provinsje Fryslân, ‘Cultuurparticipatie in Fryslân 2016’, 19 december 2016, 12 <http://www.fryslan.databank.nl/report/Cultuurparticipatie%202016.pdf> [krigen 12 jannewaris 2017].
  26. S.G. Rijpma en C. Roques, Richtlijn Cultuurparticipatie Onderzoek (RCO) (Rotterdam 2001).
  27. Provinsje Fryslân, ‘Cultuurparticipatie in Fryslân 2016’, 19 december 2016, 36 <http://www.fryslan.databank.nl/report/Cultuurparticipatie%202016.pdf> [krigen 12 jannewaris 2017].
  28. Nan Dirk de Graaf en Paul M. de Graaf, ‘Cultureel kapitaal en sociale reproductie: Cohorten tussen 1930 en 1975 vergeleken’, yn H. B. G. Ganzeboom en M. Damen (Eds.), Jaren van onderscheid: Trends in cultuurdeelname in Nederland (Cultuur+ educatie; No. 7) (Utrecht 2003) 72-95.
  29. Jos de Haan en Wim P. Knulst, Het bereik van de kunsten: Het culturele draagvlak 4 (Den Haag 2000).
  30. Provinsje Fryslân, ‘Eenmeting evaluatie & monitoring Leeuwarden/Fryslân 2018 en Voortgangsrapportage derde kwartaal 2016 van de stichting Kulturele Haadstêd 2018’, 3 <http://www.fryslan.frl/21255/ingekomen-stukken-week-50/files/04-brief ds eenmeting evaluatie en monitoring leeuwarden fryslân 2018 20161214.pdf> [krigen 19 jannewaris 2017].
  31. Provinsje Fryslân, ‘Cultuurparticipatie in Fryslân 2016’, 19 december 2016, 12 <http://www.fryslan.databank.nl/report/Cultuurparticipatie%202016.pdf> [krigen 12 jannewaris 2017].
  32. Kruskal en Mosteller identifisearren yn harren stúdzjes (1979a, 1979b en 1979c) dizze betsjuttingen fan ‘representative sampling’: 1. general acclaim for data, 2. absence of selective forces, 3. miniature of the population, 4. typical or ideal case(s), 5. coverage of the population, 6. a vague term, to be made precise, 7. representative sampling as a specific sampling method, 8. permitting good estimation, of 9. good enough for a particular purpose. William Kruskal en Frederick Mosteller. ‘Representative sampling, I: Nonscientific literature’, International Statistical Review 47 (1979) 13–24; William Kruskal en Frederick Mosteller, ‘Representative sampling, II: Scientific literature, excluding statistics’, International Statistical Review 47 (1979) 113–127; William Kruskal en Frederick Mosteller, ‘Representative sampling, III: the current statistical literature’, International Statistical Review 47 (1979) 245–265; William Kruskal en Fredrick Mosteller, ‘Representative sampling, IV: the history of the concept in statistics’, 1895 - 1939, International Statistical Review 48 (1980) 169–195.
  33. It giet om de ynfrastruktuer lykas de geografyske en om de kulturele ynfrastruktuer, lykas oanbod, sprieding, ynformaasje.
  34. Harry Ganzeboom, Cultuurdeelname in Nederland: Een empirisch-theoretisch onderzoek naar determinanten van deelname aan culturele activiteiten (Assen 1989) 176.
  35. Provinsje Fryslân, ‘Cultuurparticipatie in Fryslân 2016’, 19 december 2016, 4 <http://www.fryslan.databank.nl/report/Cultuurparticipatie%202016.pdf> [krigen 12 jannewaris 2017].
  36. Stichting Kulturele Haadstêd, Samenvatting Bidbook Lwd2018 (Ljouwert 2012) 7; Cf. ‘What ABS cultural participation data tells us about cultural policy’, The Conversation, 26 febrewaris 2015 <http://theconversation.com/what-abs-cultural-participation-data-tells-us-about-cultural-policy-37912> [krigen 23 jannewaris 2017]; Matthew Westwood, ‘George Brandis details Coalition’s arts manifesto’, TheAustralian, 20 augustus 2013 <http://www.theaustralian.com.au/arts/george-brandis-details-coalitions-arts-manifesto/news-story/448d878fcbd8181ba484583a38ae68b0?nk=e5c52a79e8fdcc4e43ae52139d36420a-1485593862> [krigen 23 jannewaris 2017].
  37. O. Kersten, W.J. van Silfhout en F.M.H.M. Driessen, Actieplan cultuurbereik II: Nulanalyse en nulmeting (Utrecht 2006) 86 <https://www.bureaudriessen.nl/publicaties/ACB%20rapport%20eindversie-X-def.pdf> [krigen 12 jannewaris 2017].
  38. ‘Lekkend aquaduct bij Burgum’, Friesch Dagblad, 12 jannewaris 2017, 1.

Mear fan Friduwih Riemersma

De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuer­ynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15