
Aldlân
In pylger bist op in kuierpaad
dêr’tst dreamdest fan reizgjen op wolken,
fan talen en folken, dy’t smolten as sûkela
op ’e tonge fan tinzen.
It fuotbalfjild ferkavele
foar doelleazen. Noait in bal sweven sjoen
fan ’e krop nei de krusing. Noait opstiigd
nei in wolkeleaze himel,
om del te sjen op dit griene ryk.
No rinst dêr wer, op fêste grûn en sels
it hûs dêr’tst blyn de wei noch witst
hâldt stiif de doarren ticht, en dy op ierde.
De finsters eagje slûch, de maten oars,
passanten treurich en fertroud, mei praat
fan swierrichheden. En fan ’e loft ferriedt
de kleur ôfwêzichheid fan sweven.
Wat hiest ferwachte? Simmerdagen yn it soer?
Of dat it gers noch bûgje koe foar de kening
fan de kante meter? Ferlerne tiid
ferdraacht gjin reservaten.
Of kaamst net foar de boaiem, pylger,
mar foar de flecht?
Tinkst dat it hjir en no dy diskear
net omklamje sil?
Besykje it dan mar, en jou dy del
op ûnbedoarne seadden fan it âlde lân
en sykje oan ’e himel nei in wolk,
ree om dy op te nimmen.
De jierren bine dy oan grûn,
dêr’t no net ien mear groetsje wol.
As jonge wistest al: foar sûkelade
moatsto hjir net wêze. Rin mar troch.
Mear fan Erik Betten
Beskamsume wrakseling Fersen út Palimpsest |
Spoaren Twa fersen |
Nunderpaad De grize speesje smoart de ymmigranten/ De bultsee wachtet op in lêste tij |