Nunderpaad
grize speesje smoart de ymmigranten
De bultsee wachtet op in lêste tij
De weakdierleaze brij ferflakket dalik
tegruzele ta núnderpaad.
En wy?
Wy stampe yn ús elemint ta polver
it pânser fan Macoma balthica
It núnderke ferplakke op in boaiem
sûnder wetterflak.
Soms rint it sa.
Fuortsûgd út it laach dêr’t sy wat wienen,
ferdigeners fan ’t rif, de bûtenwacht,
no einigjend mei grûn gelyk as dykdek
Sa weak en warleas
as har âlde fracht.
Klinkt ûnderfuot yn ’t flústerjende brekken
it núnderjen fan skulp? In weageliet
fan langstme nei it lân fan eb en floed?
Of oars net as it kriezen
fan fertriet?
Mear fan Erik Betten
Beskamsume wrakseling Fersen út Palimpsest |
Spoaren Twa fersen |
Aldlan In pylger bist op in kuierpaad / dêr’tst dreamdest fan reizgjen op wolken |