
Beskamsume wrakseling
Ut de hichte
Der rint in man mei kroade, flinters fan laitsjen,
it tsjotterjen fan reau à la mode.
Bern tôgje stiennen oan. Sjouwe. Stjerre.
In beskamsume wrakseling,
mar hat it eat mei dy te krijen?
Foldochst oan ferplichtingen.
Sulverlingen sêd fan absolúsje,
filantropysk litst se reine op it plein.
Wêrom hingest oer de râne,
sikest nei itjinge dat dy spyt
yn it mikroskopysk rap en rút?
Kinst tsjûge wêze, twivel
ferwikselje foar wissichheid
oer har ferlet, oer har bealgjen
delsjen, mar
it rêdt dy net.
Fatum
Ik fytste oer de dyk, de Tsjommer greide
lei der iensum by en sljochtskood
oan ’e eachein ta. It túch ferballe nei de berm, en net in protter
doarst it griene alter tsjotterjend te skeinen foar in wjirm.
Stil, as kaam der krekt in nije god foarby, dy’t sei:
jim kin better swije, lit dy fytser dêr mar
lije wat er offeret foar syn deistich brea.
In spinnekop wjerstie de twang fan ’t nije laach
en stoarre, holle heech, de wynturbines oan,
in wetterwrotter tsjin masines fan ’e loft.
Sels hie er it ferpoft; befongen troch in koeltsje
mealden de kolossen stadich simmerdei ta stream.
In twirre soe de wjukken likemin fan wurk
ferlosse. Spinnekop koe der net by.
Wat fierder spliste him de dyk. Ik fytste
east, sa’t earder de rapsode keazen hie,
en trof in buorskip sûnder namme, sûnder folk.
In kat sa swart as oalje seach my oan. Wie dat
de god fan kostenbatenwynturbinegreidelân?
Ear’t ik stilstean koe, ûntkaam my
it bist achter in trekkerwrak.
Ferskûle him ûnder fergiene gloarje
fan in âlde lûker fan in nije tiid.
Yn stilte wachte ik, op himelfjoer, in teken
oan 'e loft, in wurd dat tiid ferfolje soe.
Mar god wie fuort, of swijde, of ik wie
de iennichste dy’t it nije evangeelje
net hearre koe. My sei er neat.
De firtuele rekonstruksje fan myn reis,
de laptop neist de fentilator, tsjutte
op in navigator bûten my.
Sa hie ’k my likegoed noch op in godlik paad bejûn.
De namme fan it buorskip wie
te moai om falsk te wêzen
Fatum.
Dizze gedichten ferskine yn septimber 2021 yn de debútbondel Palimpsest, by útjouwerij DeRyp.
Mear fan Erik Betten
Spoaren Twa fersen |
Nunderpaad De grize speesje smoart de ymmigranten/ De bultsee wachtet op in lêste tij |
Aldlan In pylger bist op in kuierpaad / dêr’tst dreamdest fan reizgjen op wolken |