name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Any other outcome I refuse

It ofslutpraatsje
fan kulturele haadsteddirekteur Van Bekkum

Friduwih Riemersma - Fers2 4.19, 2 desimber 2018

 

image tjeerd van bekkum

 

 

It kulturele haadstêdbarren hie al dy tiid trije globale regels? Kulturele Haadstêddirekteur Tjeerd van Bekkum seit dat yn syn ôfslútpraatsje fan it kulturele haadstêdjier. Ferhip. Dalik op it ynternet socht om dy “vuistregels”. Dat jout 17 globale regels foar de kulturele haadstêd. Dy binne foar de pleatsing fan de logo’s op byldwurk, fideo’s, websiden, foar audiologo’s en de minimale grutte fan it logo. Oer dat lêste binne se frijwat sinnich, hoewol’t se net sizze wêrom eins. Mar fierder in standert branding manual. En dat is it.

Googlejen op de titel fan de taspraak dan: ‘Durf te dromen’. Dat bringt jo fan de CD fan Frans Bauer fia it Disneyprinseske nei it NRC-artikel ‘‘Durf te dromen’ is het slechtste carrièreadvies ooit’ en dêrnei al gau nei de yngewanten fan it www. Gjin spoar, likegoed, fan wat Van Bekkum no fertelt dat hieltyd de regels wiene (doar te dreamen, doar te dwaan en doar oars te wêzen), nuver net?

Dan betinke jo dat in kultuer-CEO fansels Ingelsk praat! En ja hear. It ynternet is folstood mei ‘Dare to dream’ motivational speeches. Dat ferklearret dalik wêrom’t Van Bekkums ôfslút­praatsje skreaun liket troch in sûzende beuker mei skjirre en prittstift: rju knipt en plakt is út de taspraken fan ûnder oaren de meast foaroansteande bedriuwsfilosoof Jim Rohn, iepenbier praatadviseur Jae Kaung, akteur Will Smith en, fral, fral, bodybuilding motivator Alex Kalts. “[weagjende epyske muzyk] I dare to dream! I train! And I refuse! Any other outcome than the one I bleeeed for! ... All things are possible! For he who believes in it!”

Likemin as yn Kalts syn workout speeches sit der yn Van Bekkums ôfslútpraatsje ek mar in spat konkretens, spesifykheid, oarsaken, redenen en bewiisde feiten. Dat hoecht ek net. Motivaasjepraatsjes tsjinje de selsferbettering fan de bodybuilder. Se binne bûtenwenstich populêr yn gearkomsten mei de executives, seit it ûndernimmerstydskrift Forbes, benammen as der wjerstân ferwachte wurdt tsjin in beskate situaasje. De trúk is om de taharkers har ego sa te aaikjen, mei frasen as “opdat uw werk zo ontzettend belangrijk is”—makket net út dat neat dêrop wiist—dat dy har ‘ynspirearre’ fiele te dwaan wêr’t se niis noch oer twivelen, sûnder twang of salarisferheging—merk op dat Van Bekkum it oer 10.000-en ûnbesteande kulturele haadstêdfrijwilligers hat. Dus jonges, mei syn allen, switte en bliede. Meigean oer “de drempel van de toekomst”, of in oar fluch ûndernimmersklisjee dêr’t it ôfslútpraatsje fan optilt. Mar as ien dan net op ’e ‘nowness’ fan de ‘threshold of the future’ mikt, sa’t Kalts typysk docht, mar just steefêst de doetiid brûkt, stoart syn praatsje yninoar, nei in grynderich “einde is het niet ... een begin zoals altijd was bedoeld.”

Sangerjen om noch mear miljoenen nei festivals en it Fries Museum, ooo, oeh, in besykjen om de folksfertsjintwurdiger dêrta te bewegen, sûnder prestaasjemjitting fan it piperdjoere LF2018-kultuerkonglomeraat op neoliberale ‘ôfstân’, mar mei hertbrekkend wyspelsturtsjen.

Nei’t ús eagen wer droech wiene betochten wy tsjin better witten yn fan, stel it hie in goed praatsje west. Immen hie Van Bekkums praatsjeskriuwer it skjirke út de hantsjes fimele. Him de sine qua nons fan in memorabele taspraak ynlústere, om te begjinnen dat it ferhaal relevant wêze moat net foar de prater, mar foar syn taharkers: hoe hie dan it ôfslútpraatsje gien?

Net fol groulike ûndernimmersswetserij. Yn in avansearre kapitalistysk stelsel hat kapitaal tal fan foarmen oannommen, seit kultuerteoretikus Bourdieu, en dêrûnder kultureel kapitaal. Sa krong kommersjalisearring troch yn alle hoeken fan it moderne libben, en hielendal dêr’t banken en oare finansjele bedriuwen beslisse oer kultuer as lukrative ynvestearring. Mar “cultuur werd én is de motor” fan de “toekomst”? Nee fansels! Kultuer is ús minsklike beskaving, blinder. Kultuer dat binne jo! ‘Kultuer’ komt yn rigel 1 te stean, net krekt rigel 27. En syk+ferfang ‘wij’ mar mei ‘jo’.

Want sa’n sterk stik ûndernimmerskip wie it net. Boarst­klopperij? Winst? Kom no, inkeld as jo it blieden fan de mienskip net sjogge. “We maakten een programma waaraan iedereen kon en mocht meedoen”? “We durfden groots te denken”? Ik net, mei in moanne-ynkommen fan 740 euro. Get real. Wês earlik oer de ûnfoarsjoene, nuodlike ynvestearring, oer it skandelik mankearjen fan fergese tagongskaarten foar de minima. Wês earlik oer de skiere iensidigens fan it programma, dêr’t bygelyks yntelligint en yntym eksperiminteel teater of Fryske literatuer út weigniisd binne, om’t kultuer is kommen te betsjutten: toeristelokker.

De kulturele ekonomy, soe yn it ôfslútpraatjse stean kinne, dêr kinne wy net ûnderút. Fryslân hat ferlet fan ynkomsten. Wy hoege der ek net ûnderút, want kultuerekonomy wurdt makke en utere yn syn ferbân mei de minsken en har lokaliteit. Lykwols, de normative diskusje fan de kulturele ekonomy, dus hoe’t it heart te gean sûnder dat de kulturele ekonomy de demokrasy, gelikense kânsen en de frijheid fan ekspresje skeint en sûnder dat in tuthola as Anna Tilroe de Friezen leechleit en oer har winsken hinne wâldet, dat debat bliuwt hast altyd stykjen op in abstrakt nivo of yn loftfytserige neatsizzendheden lykas “wij durfden te dromen.” Dat der sa los oer hinne gean moat oanfochten wurde, om yn kontakt te kommen mei aktuele kulturele praktiken en dêr kennis oer te garjen; maatskippijen jouwe dêryn hast altyd har boargers en keunstners in oanwiisbere rol, en dat is logysk, want dat is de iennichste oanpak dy’t makket dat de kultuer moarn ek noch libbet. Tankewol.

 

 

Tjeerd van Bekkum, ‘Durf te dromen, doen en anders te zijn’, bewurking fan de taspraak jûn op 24 novimber 2018, by it oerdragen fan de titel fan Europeeske Kulturele Haastêd, Friesch Dagblad, 26 novimber 2018, 22.