Widnersbonkje - fersen Elmar Kuiper - Fers2 nû. 7.1, 24 jannewaris 2021 De goede toan myn stim kent net ien dy’t seit do hearst by my as in siichgat yn it iis myn stim went fansels oan it weake ferwulft kin sear dwaan as in widnerbonkje myn stim brûkt in soan om de goede toan te reitsjen en weidet net út oer de striem Fuort út dat gat heaven can wait for watching the sky sjongt hartwig schierbaum ik slach de eagen del en tink: mei goed fatsoen kin ik de plichtplegingen net benefterlitte in koart knikje dan mar en fuort út dat gat mar hartwig schierbaum tsjotteret as in mosk en ik moat wer fûstkje mei de dwile hân fan ’e dei