
Poëzy
Dream en oar arbritrêr barren
Dream
De romte is keal. In pop draacht in pak fan Gucci. Eva sûget
sekuer om him hinne. Ik mei net ôfdrosse no, krekt om’t it sa’n
moai byld is: Eva dy’t rêchrjochtet, de foet op ’e stofsûger set.
Fansels: en har fammich ferwûndere blik en de slange dy’t
spontaan om syn hurdplestik skonken krôlet. Dus ik mei beslist
net wekker wurde, oars reitsje ik har kwyt, kringe de lûden
troch, sil se har Minnie Mouse shirt net opstrûpe, har boarsten
as ripe fruchten net pletsje tsjin it rút en nea sil se sizze: O,
Adam, kom. Ik moat de dream, dy’t my iten en drinken jout,
útrekke, oant de romte wer keal is, Adam in pak fan Gucci
draacht en Eva foaroerbûcht, de foet op ’e stofsûger set en
sekuer om him hinne sûget.
Nachtmerje
Toarst is foar de ezels op ierde. Mar ik bin in ezel. Se docht de
knoopkes fan har blûske los. Piter is der ek en sjongt hiel
nasaal. In man docht syn attasjeekoffer iepen en hellet der in
masker út. In opportunist, dy’t himsels God neamt, kin wolris
dingen dwaan dy’t foar in gewoane sterveling slim nei te
kommen binne. Wêr binne dyn wjukken, freget Famke Louise.
Ik kin de boereplomp, sprek ik op. Dit is de ferkearde romte,
flústeret Beau. Hearst hjir net thús, ropt de kameraman. De
showbizz is hurd byt Ivo Niehe my ta. Toe, balt ris. Op ierde
bist. Hast toarst.
Segels
Ik hie myn eksoatyske bisten en planten út Haïti, Madagaskar
en Soematra mei leafde en soarch yn in krêmwyt album dien.
Ik miende mar dat it libben in soad yn ’t fet hie en woe in
moard dwaan foar dy iene misjonarissegel út Hawai. Ik hie Jane
Austen yn har mantelpakje al en fansels Tarzan de
onoverwinnelijke. De sjimpansee fan Sierra Leone begroete my
yslik kritend. Ik kocht de baviaan fan Botswana, dy’t soer op in
tûke siet en tonge wat ôf, bewarre him foar de ivichheid faaks,
tusken glêsheldere stripen en dûbele skutblêden fan
pergamyn. Op syn kont siet in blierreade swolm, dy’t woeks.
Mear fan Elmar Kuiper
Eeltsje Hettinga kriget de Gysbert In resinsje fan it bekroande wurk: ‘Subtiliteit is fier te sykjen.’ |
Holiday Inn Fragmintsje fan Elmar Kuiper |
Business Park |
It ferhoar Ienakter fan Elmar Kuiper |
Haagsma en Gurbe Ienakter fan Elmar Kuiper |
Autonomy is in posysje under fjoer fraachpetear mei Elmar Kuiper |
Widnersbonkje Fersen fan Elmar Kuiper |
Kaleidoskopyske blik op it resinte Fryske fers Nije poëzyblomlêzing! |
‘Dream’ en oar arbitrêr barren De romte is keal. In pop draacht in pak fan Gucci. Eva sûget … |
Tút fan Judas Politike Haiku I |