name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Betelle om neat te skriuwen

Gjin besprek fan Bartle Laverman syn nije dichtbondel

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 2.19, 4 desimber 2016

 

image

 

 

Vogon poetry is of course the third worst in the Universe. The second worst is that of the Azgoths of Kria. ... The very worst poetry of all perished along with its creator, Paula Nancy Millstone Jennings of Greenbridge, Essex, England, in the destruction of the planet Earth.Douglas Adams, The hitchhiker’s guide to the galaxy (New York: Ballantine Books, 1979) h. 7, al. 1.

De Vogonpoëzijsêne yn it cult-harkspul The hitchhiker’s guide to the galaxy (H2G2) hat in online Vogon Poetry Generator opsmiten. Hy is fan de BBC, yn 1978 de útstjoerder fan de H2G2, as jo googleje nei ‘how to write bad poetry’ fine jo him wol. Apart is dat poëzij yn de SF-molkwei fan H2G2 in rol spilet, en dan just op de hyper­burokratyske planeet Vogon. Dat skriuwer Douglas Adams him ynspirearje liet troch de nonsense poetry fan SF- en fantasy-skriuwer Lewis Carroll leit foar de hân:

Oh freddled gruntbuggly …
? … thy micturations are to me/As plurdled

gabbleblotchits on a lurgid bee.

Groop I implore thee, my foonting turlingdromes.
And hooptiously drangle me with crinkly bindlewurdles,
Or I will rend thee in the gobberwarts with my

blurglecruncheon, see if I don’t!Douglas Adams, The hitchhiker’s guide to the galaxy (New York: Ballantine Books, 1979) h. 7, al. 6-10.

Dit is Carroll:

“‘You may seek it with thimbles—and seek it with care;
        You may hunt it with forks and hope;
You may threaten its life with a railway-share;
        You may charm it with smiles and soap—’”Lewis Carroll, ‘Fit the third. A baker’s tale’, yn: idem: The hunting of the snark: An agony in eight fits [1898], The Gutenberg Project, 2008 <http://www.gutenberg.org/files/13/13-h/13-h.htm> [krigen 26 novimber 2016].

Ek miende ik dat der ynspiraasje kaam út it wurk fan William McGonagall, de poëet mei de wrâldwide erkenning fan de beroerdste dichter fan alle tiden. Syn tiidgenoaten, dy’t er graach eare mei gelegenheidsgedichten, betellen him om neat te skriuwen. Dat holp net.

Beautiful railway bridge of the silv’ry Tay
Alas! I am very sorry to say
That ninety lives have been taken away
On the last sabbath day of 1879
Which will be remember’d for a very long time.‘The Tay Bridge disaster’. William McGonagall, World’s worst poet: Selections from “Poetic Gems” (Springfield, IL 1992).

It is net sa: gjin McGonagallbeynfloeding fan Adams, c.q. de Vogonites. Dat kin ek net. Want der is in ferskil tusken goed wêzen yn it skriuwen fan minne poëzij en min wêzen yn it skriuwen fan goede poëzij. McGonagall noch de Vogon Poetry Generator helje it by it wurk fan Vogon, lit stean by dat fan frou Jennings fan Ierde; net iens elkenien is not amused, gjinien sil de wrâld derom ferneatigje. Foar strieminne poëzij, oan de oare kant, moatte jo goed sekuer witte hoe’t in klimaks fan disharmony, ferfeelsumens en wansmaak berikt wurde moat. Witte jo dat net eksakt—en nim dat mar fan my oan want ús hústradysje fan minne sinterklaas­rymkes hat my aardich ûnderfining jûn en sa simpel as de (by ús osa geleafde) forsearre rym en it steapeljen fan klisjees as it ynternetadvys seit, is it beslist netKatie Davis, ‘How to write a bad poem in 9 easy steps’, 2012 <http://katiedavis.com/how-to-write-a-bad-poem-in-9-easy-steps/> [krigen 26 novimber 2016].—besykje it net.

Oer Bartle Laverman syn nije dichtbondel In echte Fries is sein dat Laverman al yn de jierren santich in folslein eigen styl fûn hie en dat er yn de jierren en santich en tachtich in hiele eigen rjochting skoep. Mar dat seit neat oer de nije bondel. Ek liet de Sid Vicious-ferzje fan Sinatra syn My way yn 1978, deselde tiid dus as Laverman syn kreative pyk en it útsjoeren fan H2G2, de tinkflater al sjen:

To think, I killed a cat
And may I say, oh no, not their way
But no, oh no, not me
I did it my wayPaul Anka, Sid Vicious, My way (lyrics), 1978.

Mar de kat is wol dea. Dat komt om’t net de kwaliteit fan it hanneljen sels en fan de mooglike gefolgen fan de aksje derta dogge, mar allinne, as foar in beuker, in radikaal en ûnbermhertich ‘sels dwaan’:

For what is a brat,
What has he got
When he finds out that he cannot
Say the things he truly thinksPaul Anka, Sid Vicious, My way (lyrics), 1978.

‘Eigenheid’ opfette as ‘sizze wat jo tinke’ is in trend, hjir fuort nei de ieuwiksel begûn, net mei de punkers mar mei de Lonsdale­gabbers dy’t it taboe op yntolerante, konservative útspraken trochbrutsen. Nimmen hoecht op te groeien. Utjouwerij Hispel hat in sterk fûns fan ûnfolwoeksen poëzij delset.De puberale dichtbondels fan 2016 komme fan Geart Tigchelaar, leech hert yn nij jek, Cornelis van der Wal, Wolf yn harnas, en Syds Wiersma, Raffelwjok. Ek stiet it elkenien frij om syn trends te folgjen, ynbegrepen dy dy’t er fjirtich jier lyn ynset hat. Wolle jo lykwols in persoan beoardielje nei ‘wat er seit dat er tinkt’, dan is it needsaaklik dat hy of sy ferantwurdlik holden wurde kin foar wat hja of er seit. De Vogon Poetry Generator kin net ferantwurdlik holden wurde; dy is net beoar­dielber nei syn ‘gedicht’, dus net ‘as dichter’. It probleem om de saneamde Art brut, byldzjend wurk fan bern en ûntarekkenbere psychiatryske pasjinten, dat ûnwjerlisber artistike kwaliteit hie, as keunst te definiearjen is nea ta in oplossing kommen. Se bedarren al gau yn neatsizzendheden lykas ‘alles is keunst’. Beukers meitsje gjin keunstwurken. De moderne child-cult, achteleas en kullerijnayf dilettantisme, is yn 1933, fier foar’t Hispel der wie, al hikkele:

Do not expect a work of classic canon.
Take binoculars to these nests of camouflage—
Spy out what is half-there—the page-under-the-page.
Never demand the integral—never completion—
Always what is fragmentary—the promise, the presage—
Eavesdrop upon soliloguy—stop calling the spade the

spade.


And you’ll hear a great deal more, where a sentence breaks in two,
Believe me, than ever the most certificated

schoolmasters’ darlings do!Wyndham Lewis, ‘One-Way Song’ [1933], yn: Wyndham Lewis, Alan Munton (red.) en C.H. Sisson (ynl.), Collected poems and plays (Manchester, UK 2003) 19-95, 33 VIII.

Foar keunst, tinke wy, is it ferlies fan naïviteit nedich, of mear yn it algemien it bewustwêzen fan de keunstner as keunstner.

Mar immen net beoardielje nei it wurk mar as net-argeleaze dichter bringt dit probleem. Bekend is dat yn minderheids­literatueren de dichter in fertsjintwurdiger is fan syn minderheids­kultuer, oft er wol of net. Oarsom jildt dat in kultuer­fertsjintwurdiger in dichter is. Net aktiviteit is it kritearium mar represintativiteit; yn Fryslân is elkenien in dichter, seit ús mem altyd. As dichterskip gefolch is fan berte en net fan produkt, hat it gjin sin om immen ‘as dichter’ te beoardieljen. Dan moatte jo nei it wurk sjen ‘as gedicht’ en suver tekstuele kritearia brûke, formele en ynhâldlike.

Dêr leit in nij probleem, dat fan de burokrasy. De ynstituten, dy’t foar de keunst in wichtiger rol lykje—of miene—te spyljen as de keunstner, produsearje steapels papierwurk om út te lizzen wat it keunstwurk is. It is al lang net mear mooglik om yn in museum stil te meditearjen op it wurk; it tilt der op fan de lêzingen, seminars en gidsen dy’t it meast komplekse, alsidige oeuvre mei in catchy soundbite werombringe nei in simplifisearre idee. Tresoar makket net de Fryske literatuer sels tagonklik op de Sirkwyside, mar alle besprekken derfan: se ferfange keunst troch it petear deroer.

Om it Tresoar maklik te meitsjen is Laverman syn bondel gjin keunst, mar wat peteareftichs oer de bondel. Der is konversaasje­taal mei net-ôfmakke, misrinnende sinnen oer dichterlike, dus Fryslân-fertsjint­wurdigjende hannelingen. Mear as oan in deiboek­opsomjen dêrfan dogge de fragmintaryske meidielingen tinken oan hastich optekene kroechpetearen tusken lju dy’t inoar net kenne (wolle): sûnder fertroulikheden en yngeande kwestjes, fol mei platitudes, harsenleaze flauwekul, oerdriuwing, sterke ferhalen en rabberij—mar wat makket no Lou Reed syn ‘New York telephone conversation’ sa spannend?

I was sleeping, gently napping, when I heard the phone
Who is on the other end talking, am I even home
Did you see what she did to him, did you hear what they

said

Just a New York conversation, rattling in my head
 
Oh, oh, my, and what shall we wear
Oh, oh, my, and who really caresDavid Navarro, Eric Adam Avery, Lou Reed, Perry Farrell en Stephen Perkins, ‘New York telephone conversation’, 1972.

Om te begjinnen is der de yntertekstualiteit mei ‘The Raven’ fan Poe:

While I nodded, nearly napping, suddenly there came a

tapping,

As of some one gently rapping, rapping at my chamber

door.

“’Tis some visitor,” I muttered, “tapping at my chamber

door—

        Only this and nothing more.”Edgar Allan Poe, ‘The raven’ [1845], yn: Thomas R. Lounsbury (red.), Yale book of American verse (New York 1999), nû. 84.

De selstramtaasje fan de ‘I’ dy’t tekens tsjutte wol dy’t fan harsels gjin betsjutting hawwe resonearret yn de like betsjuttingsleaze mar fierder hielendal net dramatyske konversaasje fan Reed. De grutte bewûndering dy’t Reed hie foar Edgar Allen Poe is bekend, nei de opera POEtry hat er it album The raven makke. Syn ferwizing—nei in wurk, net in man—is dus hiel wat oars as de gratuite name dropping yn Laverman syn bondel. Mar dat Laverman syn oerfloedige fergeesheid en de folsleine ôfwêzichheid fan djipgong net wurket, komt benammen om’t de struktuer mist om it urgint te meitsjen.

De struktuer fan in hanneling is in teleologyske struktuer. It pakken fan de pin mei in doel dat jo berikke wolle is, ek as der net in konkreet stappeplan is, ynpast yn in grutter, no noch net kompleet gehiel. Sûnder yntinsjonaliteit is der gjin struktuer, oars sein, struktuer is wat jo wolle en dat wollen is net rjochte op ‘dat der wat bart’ mar op eat dwaan. Allinne yn fûneminteel yntinsjonele aksjes is it mooglik om jinsels út te drukken. Ommers inkeld dan kin der in tiidwurd fan útfiering brûkt wurde en net as men net wit wat er sil; der is in grut ferskil tusken ‘ik haw in pin pakt’ en ‘ik skriuw’.

Wa’t neat wol, gjin foarm, gjin rjochting, gjin styl, gjin line, gjin klank, gjin ritme, gjin emoasje, gjin idee, gjin ideaal, gjin moraal, gjin oarspronklikens, gjin yntegriteit, gjin eigen refleksje op of opfetting oer keunst, skientme, wrâld, libben of minskdom—en ek gjin nihilisme want dan moatte jo alle wearden ôfwize wolle—dy rint der tsjinoan dat er dat neat wollen net oerdrage kin. Mar meitsje jo der net drok om. In gedicht is altyd in spesjale gearstalling fan taal neffens in patroan. Is it dat net dan falt it bûten it sjenre fan poëzij. Dan is it proaza of gewoan neat. Dizze bondel is gewoan neat. Dus der is ek neat om te besprekken.