image betsjuttingsfolheid yn de poëzy

Essee

Betsjuttingsfolheid yn de poëzy

Friduwih Riemersma - Fers2 5.12, 16 juny 2019

[I]f I can invent poetry, why can’t I invent the meaning?John Ashbery, 2013

Poëzy giet oer betsjutting. Sa’t skilderkeunst giet oer ôfbyldzjen en muzyk oer gefoel, sa is elkenien it deroer iens dat de aard fan poëzy de spesjale manier is dat it betsjut. Dy betsjutting kin alle kanten út yn poëzy. Is natuerlike taal fan minsken al dûbel­sinnich, mei metafoaren, konnotaasjes en gefoelsuteringen dy’t ‘in soad sizze’, de komprimearre taal fan poëzy kin al hielendal fanalles tagelyk betsjutte, mar neat yn ’t bysûnder. Dêr komt by dat de moderne dichters earder yn it kamp fan de ûnsinnigens en it kryptyske bliuwe en flyt dogge op it út de wei gean fan betsjutting. Op de side stean noch mar sa’n bytsje wurden dat de kosten oan taalpromoasje de letter jo ûntrêstigje, mei raffelige kanten rjochts en lofts en sjoch der marris miening út te heljen. Mar sels it ûnsinfers ûntsnapt net oan ’e alderminst kontrofersjele opfetting dat poëzy alle strategyen brûkt om lagen fan betsjutting te skeppen.

Dat is om’t fersen net sasear ferpakte betsjutting binne as ynsidinten fan ûnderfining, seine de kritikus Angus Fletcher en syn neifolgers. Dêrtroch is de letterlike wurdebrij net dat wat jo betsjuttingjaan moatte. Wat “the snow” yn John Ashbery syn ‘What is poetry’ is? “The medieval town, with frieze/ Of boy scouts from Nagoya? The snow/ That came when we wanted it to snow?”: it wiere obstakel is black box fol minsklike ûnderfining. Mar dat is in stap te fier. Underfining is it bewuste barren, de presinte ynhâld fan it bewustwêzen, dêr’t betsjuttingmeitsjen syn beslach al krigen hat. Waarnommen ferskynsels útlizze om har oer te dragen is in fûnemintele trek fan minsklike yntelliginsje. Sintúchlike waarnimmingen per se bestean net yn it minsklik bewustwêzen: alle ûnderfiningen binne ynterpretaasjes fan wat de sintugen ús bringe. Dêr komme al ús stereotypen en foaroardielen wei: betsjutting is der foar’t wy it witte.

Okee, gjin probleem dan? Jawol. Poëzy-oersetters rinne dertsjinoan. Poëzy-oersetters sitte derfoar om de betsjuttingslagen fan it boarnefers sa sekuer mooglik te ynterpretearjen, dy ynterpretaasje betrouber weromwize te litten en tagelyk eat te skeppen dat sels noflik te lêzen en begryplik en literêr is. Mar wat is begryplik? De oersetter fan in praktyske tekst jout spesjaal omtinken oan de begripen, i.e. wurden en hoe’t dy har ferhâlde, foar krektens en om ien betsjutting oer te dragen. Sa wol myn broer, in hantliedingoersetter fan medyske apparatuer, gjin gedonder by de röntgenmasine. Lykwols, by poëtysk oersetten oerhearskje de stoflike eleminten fan it teken, lykas syn lûd en plak, dy’t it omtinken nei in dwerse betsjutting ferskowe, om’t se foar mear stean as it keale wurd syn ierdske ferwizing. Brek dêrom de ferwizing nei de eksterne wrâld: sjedêr poëtyske betjuttingsfolheid, sizze de nihilisten, sûnder te sizzen hoe’t dat dan kin—it kin dan ek net. Freegje it de dichters sels.

As de dichter fan it boarnefers dea is stiet de oersetter dy’t om betsjuttingfolheid siket allinnich foar syn heksetoer. Libbet er dan kin it wêze dat hja helpt en seit: “Mar ik sykje de wurden dy’t foar my it meast betsjuttingsfol binne.” Wis, logysk, sizze jo dan as oersetter, poëzy giet oer betsjutting no? Mar wat betsjuttingsfol is, lit hja jo achteleas riede.

Alhoe’t poëzy ek, op syn minst fan de romantyk ôf, ûnder ien tekken skûlet mei betsjutting, de betsjuttingsfolheid fan poëzy is in iepen doar. Betsjuttingsfolheid hoegde, oars as de krityk fan betsjuttingsleazens, nea rjochtfeardige te wurden. Wat betsjuttings­fol betsjut, as it giet om poëzy, dêr hat de taalfilosofy him net mei dwaande holden. Foar oersetters is dat problematysk. Dy kinne har net ferbetterje yn ’e rjochting fan ‘betsjuttingsfol’, om’t dat ‘betsjuttingsfol’ yn de eagen fan George Orwell betsjuttingsleas wêze soe, lykas frijheid en demokrasy en alle oare begripen dêr’t elke autoriteit syn eigen betsjutting oan hechtet, om sels it tinken oan oersettersreboelje tsjin it poëtysk systeem út te roegjen. Yn 2084 makket Facebook wol út wat kwaliteitsoersetten is.

Sa fier is it noch net. Betsjuttingmeitsjen is as psychologysk konsept wol bestudearre: it is it proses fan hoe’t minsken har libbensûnderfiningen, har ferhâldingen mei oaren en har ‘sels’ ûndersykje, útlizze en begryplik meitsje. De konstruktivistyske beneieringen brûke de noasje ‘betsjuttingmeitsjen’ in protte en spesjaal by rou, as minsken ien of oare betsjutting takenne wolle oan in ûnderfining fan dea of ferlies. De wichtichste motivaasje foar de minske om troch te libjen, sei psychiater en Holocaust-oerlibber Viktor Frankl, is om betsjutting yn it libben te ûntdekken. Dêrfoar­oer hâlde de pessimisten út dat deagean it libben betsjuttingsleas makket. Apart is wer dat nei dy lêste bewearing, dat betsjutting ferlet hat fan ûnstjerlikens, oerfloedich ûndersyk dien is. Dat just de dea nedich is foar betsjuttingsfolheid fan it libben, hat de wittenskip fierhinne neist him dellein. Behalven dat it min te hifkjen is, mei in testskift fan stjerliken en in kontrôleskift fan ûnstjerliken, mankearre yn de psychology, lykas yn de (taal)filosofy, fral in definysje fan ‘betsjuttingsfol’.

Want stel, in betsjuttingsfol ding yn jo libben is fammesteat oant it houlik (f/m). Hoe is sokke betsjuttingsfolheid te definearjen? Betsjuttingsfol, wurdt dan faak sein, is wichtich, weardefol en de muoite wurdich. De belutsenen sille sizze dat dat wier is, mar, al is it goed om te witten hoe’t hja oer betsjuttingsfolheid tinke, it it gjin definysje. Wichtich ensf. is in rige synonimen. Lâns de direkte wei komme jo net by wat betsjuttingsfol is. De ynterpretaasjenivoteory nimt in oar paad, dy giet út fan hoe abstrakt of konkreet oft minsken har ûnderfiningen achtsje. ‘Net opsitte’ is op in heech abstraksjenivo ‘net fuortjaan wat jo nea werom krije kinne’ en noch heger ‘seden bringe op ’e übersexte ierde’. Op in leech nivo is it ‘in fammeflues hielhâlde’. As jo de fammesteat sjogge as betsjuttings­fol, yn watfoar eigen definysje ek, ferarbeidzje jo it altyd op in heech ynterpretaasjenivo, want jo ferbine it mei jo identiteit en jo wrâld. As eat net betsjuttingsfol is foar ien, brûkt sy/hy inkeld it lege nivo.

Yn gearhing mei it hege abstraksjenivo fan ynterpretaasje binne der foar it betsjuttingsfolle doel, lykas ek de fammesteat, altyd talige sinjalen. Oer dy taligens hawwe jo it as jo it hawwe oer betsjuttingsfolheid yn poëzy. Watfoar taal oft eksakt nei betsjuttings­folheid ferwiist is ûnbekend, mar tink oan identiteitsfrases: ‘ik bin’. Tink lykwols net oan wat de dichter sjen litte wol fan syn ‘ik’ of fan de rottige wrâld dy’t ivich akselet tsjin dat ‘ik’. Dat de dichter soks winsket te uterjen, oftewol in doel mei it fers hat, is bêst, mar dat doel te determinearjen is in yngewikkeld proses fan dollen yn it ûnbewuste fan in meastal langdeade dichter, dy’t jo echt net op ’e sofa ha wolle en mei grutte kâns dat de dichter nea krige wat er winske mar in hiel oar fers. Ashbery fertelt 56 jier nei ‘What is poetry’ dat er tusken de treinoansluting yn de stêd Chester oer it bolwurk rûn en yn in kloft Italjaanske paadfiners bedarre en jierren dêrnei yn ’e lift fan de Empire State Building yn in ploech Japanske paadfiners en him doe samar ôffrege wat poëzy is… Dêrom, wat de dichter krekt bedoelde, dêr giet de lêzer gewoanlik oan foarby. Hy rjochtet him op wat it gedicht bedoelt: de betsjutting. Mar de lêzer wit noch altyd net wat betsjutting is.

In lêzer lêst in oersetting fan Christina Rossetti har sonnet ‘Remember’, hast in schlager op it ynternet en in klassyk oefenstik foar jonge oersetters. De lêzer priizget de oersetter om de betsjuttingsfolle oersetting. De lêzer hat krekt har man ferlern.

Tink oan my as ik aanst fuortgien bin

    Fier fuortgien yn it stille lân;

    Ast my net mear ha kinst by de hân

It fers is, lykas it gelikense ‘Song’ (‘When I am dead, my dearest’) fan in jier earder, rjochte oan in geleafde dy’t net treurje moat as de lyryske ik dea is. Fan beide fersen is de ynhâld op gjin inkelde manier autobiografysk; Rossetti skreau ‘Remember’ op har njoggentjinde, wiisde tusken ‘Song’ en ‘Remember’ de earste fan trije houlikskandidaten ôf—de famylje wie earm en in famke moast ûnderholden wurde yn 1849—en troude nea en soe krekt folle letter in slimme sykte krije dy’t har fataal waard. Opmerklik oan de fersen is dat se ôfwike fan it trochsneed-fiktoriaaanske fers fol tsjuster drama en selsbegrutsjen, mei in—hielendal foar in teenager—sterk eigensinnich stoïsisme. De boppeneamde lêzer lykwols, stiet dêr net by stil. By de ynterpretaasje fan poëzy is it himd trochstreeks neier as de rok: de eigen ûnderfining fan ‘dea’ leveret de betsjuttingsfolheid. De rok, dy’t net berikt wurdt, falt foar in part gear mei de poëtyske ienheid fan foarm en ynhâld.

Poëzy, literêre poëzy, is fan alle talige oarderingen mooglik de yngewikkeldste. It boarnefers lêzen omfettet foar de oersetter faak al it werkennen en ynterpretearjen fan in heechkomplekse rige betsjuttingen en karakteristiken. Der is in bân tusken foarm en ynhâld dêr’t er net oan foarby kin. Ommers in heapke allegoryen, metafoaren en bylden makket net in gedicht, as net eat har byinoar hâldt, sei de New Criticism; dan soe in wurdboek ek literatuer wêze. Dat byinoar hâlden is de foarm. Fansels kinne jo dêrtsjinyn bringe dat in wurdboek net kategoarysk ferskilt fan it moderne fers en dat T.S. Eliot & kollega’s in elitêre literatueropfetting nei­stribben. Mar wêr’t it har om gie is it idee dat in parafrase fan de ynhâld fan in gedicht ûnmooglik ferfange kin wat in gedicht sizze wol.

Oan myn buro yn Amsterdam is dat tinken noch altyd relevant. Hoe noflik oft it ek wêze soe dat immen de oersetter yn in parafrase de Kearn fan de Betsjuttingsfolheid fan it fers oerlangje soe, it liket amper foarstelber. Yn ôfwêzigens fan in definysje fan betsjuttings­fol­heid, en faaks de mooglikheid om dat te definiearjen, siket de oersetter nei wat de grinzen binne dêr’t jo betsjuttingsfolheid wierskynlik tusken oantreffe sille.

De grins fan betsjuttingsleazens is neffens de logysk positivisten, lju dy’t nochal sjarzjearren in ieu lyn, dat in útspraak dy’t net yn de taastbere wrâld te hifkjen is, betsjuttingsleas is.

Folle better asto fergeatst mar lokkich bist

        As datsto oan my tochtest mei fertriet.

is ûnsinnich, seit Wittgenstein. Al sille de measte oersetters it dêr net mei iens wêze, se tinke wol dat betsjuttingsfol net inkeld as Betsjuttingsfolle Wurden bestiet yn de holle fan de dichter. Dy dichter kin yn in xtc-binge of sa alles wol betsjuttingsfol achtsje. Wat de lyryske ik tsjin de taharker binnen of bûten it fers seit kin krekt betsjuttingsfol wêze as jo as lêzer it (konkreet) relatearje kinne oan jo (werklike) bûten­wrâld. Nijsgjirrich is dat se yn it sykjen nei hoe’t se de poëzy fan poetry generators betsjuttingsfoller krije kinne, lykas de poëzybot O Poeta Artificial dy’t fersen tweet, se betocht ha om de artifisjeel generearre fersen oanslute te litten by wêr’t minsken oer prate. Net tafallich is dat deselde oplossing as dy’t de provinsje Fryslân keazen hat om de output fan de Dichter fan Fryslân betsjutttingsfoller te meitsjen foar it folk: lit him dichtsje oer de fetste koppen yn it nijs.

Minsken prate graach oer groulike dea en dêrom, soene jo sizze kinne, is it alaarmwurd ‘deagean’ betsjuttingsfol en net te ferjitten it groulike byld fan it slachthús mei minsklik gehak yn

Ut myn memme sliep wei foel ik yn de Steat

En ik bûgde yn syn búk oant myn wiet bûnt frear.

Seis myl fan ’e ierde, loslitten út syn libbensdream,

Wekker troch swarte ôfwar waard ik en nachtmerjefjochters.

Doe’t ik deagie spielden se my út de koepel mei in slang.

Mar de betsjutting sit net yn it boadskip oer hoe’t WO2 foar in soad soldaten einige (in lege kiste), want dat is âld nijs. De betsjuttings­folheid, foar de ‘ik’ likegoed as de lêzer, fan it folslein sinleaze libben fan memme soan oant slachtoffer en dat wie it dan, komt net fan betsjuttingsfolle wurden. De betsjuttingsfolheid sit yn de koarte keatling ‘ik foel - ik bûgde - ik waard wekker - ik gie dea’ en yn de eksplosive lûden en oare foarm-eleminten en dat moatte jo ûnderfine. Dy poëtyske ûnderfining, dy’t de boarne is fan poëtyske wearde, is net ôf te beakenjen. Jo kinne ûnmooglik ien soarte ûnderfining nei oanlieding fan poëzylêzen bepale, want dêrfoar rinne fersen te fier utinoar, en likemin ien soarte betsjuttingmeitsjen ferbûn mei poëzylêzen oanwize, want dêrfoar binne lêskultueren te ferskillend.

Oan de oare kant kinne jo it iepenstean foar poëzy sjen as it opsykjen fan poëtyske ûnderfining. In model fan ûntfanklik wêzen en ûnderfining, hoe ûnbeskaat oft dat ek klinkt, is oertsjûgjender as in model fan teksten dy’t lizze te wachtsjen op parafrasearjen en unike betsjuttingtakenning. Want de opsochte ûnderfining is net in witte wollen wat in wurd betsjut of hoe’t in sinsdiel oanslút by in oar part fan de tekst, mar in begripe wollen op it nivo fan tematyk en perspektyf en de wearde dêrfan yn de wrâld. Dat is in ûnderfining fan it gehiel fan foarm en ynhâld. De lêzer besiket him tagelyk in foarstelling te meitsjen fan it ûnderwerp dat yn it fers ferwerklike wurdt en de manier sa’t dat ûnderwerp ferwerklike wurdt. Reduksje ta tekstuele betsjutting is sa net mooglik, oars as by betsjutting as parafrase. By it lêste soe de parafrase it fers ferfange, wat de ûnderfining fan de lêzer oerstallich makket—it hiele lêzen efterhelle makket. Dat leaut net ien.

De oersetter kin, koartsein, net om betsjuttingsfolheid sykje as om de twadde sok dy’t kwytrekke is yn de waskmasine: efkes goed troch de trommel hinne graaie en aha dêr is de betsjuttingsfolle oersetting by it boarnefers. Oan de oare kant is betsjuttingsfolheid ek net sa dizich is dat it feitlik net bestiet. Op syn bêst, oersetters, is ‘betsjuttings­folheid yn de poëzy’ in sibbe fan de like ûndefiniearbere ‘pornografy’: jo werkenne it wol as jo it ûnderfine.

Mear fan Friduwih Riemersma

De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuer­ynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15