image philippus breuker gouden ieu skiednis fan fryslân

De Gouden Ieu: koarte bloei, lang ferfal

Philippus Breuker - Fers2 nû. 5.20, 15 desimber 2019

Op mear as ien manier kin men sjen litte dat de Gouden Ieu mar koart duorre hat en folge is troch in djippe en lange depresje. Yn dit stik doch ik dat oan de hân fan it befolkingsferrin yn Boazum tusken 1574 en 1714. Sûnder ûndersyk fan in doarp is dêr net folle oer te sizzen, want befolkingssifers fan Fryslân binne der net foar 1689.

In earste yndruk fan de omfang fan de befolking jout it oantal huzen. It grutste oantal yn de Gouden Ieu hie it doarp yn 1645, te sizzen 74. De stins ha ik dan net meirekkene, want dy waard doe net bewenne of miskyn allinnich simmers in skoft. Fan dy 74 wienen 41 in pleats en seis in dykhús, dat yn de Buorren stienen 27 huzen. Foar 1540 stienen dêr mar inkelden. Sûnt wie har tal yn de earste tritich-fjirtich jier fiks tanommen. In sterke groei fan boargerhuzen hat der ek west tusken 1616 en 1644. Doe naam it tal huzen yn de Buorren mei sân en foar’t neist acht nije huzen ta. Yn 1644 wie der noch ien byboud, mar dêrnei duorre it oant de santiger jierren fan de achttjinde ieu ear’t der wer nije huzen boud waarden. Troch tanimmend ynwenjen, soms yn net mear as in keamer, koe de groeiende befolking opfongen wurde.

De pleatsen litte in selde ferrin sjen. Miskyn wol nearne better as oan it opheffen fan pleatsen is te sjen hoe’t de krisis fan nei 1650 it doarp feroare hat. Koenen oant dan ta in soad fan de jonge húshâldingen dêr itsij op in pleats of in komelkerij, itsij as losse arbeider wurk fine, neitiid waarden de pleatsen grutter en dramatysk lytser yn oantal, en moast ien fêste arbeider wurde, woe er yn it doarp bliuwe. Foar 1650 wie der genôch los boerewurk. Doe moatte in soad jonge manlju út it doarp sels noch it meanen en ûngetiidzjen dien hawwe. Furmerius skriuwt teminsten yn syn deiboek dat in soad mieren begjin juny 1608 mei him út Hollân weromreizgen en te hearren krigen hienen dat se oer trije wike mar werom komme moasten. Der wie doe noch gjin gers. Yn de rin fan de ieu soenen goedkeaper arbeidskrêften út Westfalen en Eastfryslân it wurk oernimme. Dat wienen de Poepen, de ‘Buben’.

Foar de bedriuwige Gouden Ieu kamen de ferstjurre sosjale ferhâldingen yn it plak, dy’t typearjend binne foar de achttjinde ieu en oant yn de tweintichste ieu net folle mear feroarje soenen. Allinnich hjir en dêr yn de Bouhoeke brocht fan ein santjinde en foaral de achttjinde ieu it op grutte skaal los ferhieren fan lân noch romte foar in selsstannich bestean as lytse gernier.

Under in pleats ferstean ik saneamde behuze lannerijen, oars sein: in hûs mei eigen lân. It heechste oantal pleatsen hat der om 1574 hinne west. Doe wienen it 43, yn 1511 34 en yn 1640 41, al wienen der ek doe noch in pear dêr’t twa húshâldingen in bestean yn fûnen. Dat wie nei 1640 gau dien. Yn 1714 wienen der noch mar 31 pleatsen ûnder in hûs en eins mar 30, want it lân fan de stinspleats wie ek by in oaren foege en noch mar seis pûnsmiet by it hûs fan oer. It ferrifeljende fan de stim- en floreenkohieren fan 1700 en letter is, dat se it oantal fan 1640 oanhâlde. Wa’t net better wit, tinkt dus dat dat altyd gelyk bleaun is. Men kin al better gewaar wurde as men sjocht nei gelikense hierders op ferskillende stimmen, dan falle al in soad ôf. Mar by de ferfallen pleatsen binne yn 1700 en neitiid ek te rekkenjen dy stimmen, dêr’t op de namme fan de hierder ‘c.s.’ folget. Dan brûkt dy hierder noch mar ien of twa stikken en heart der gjin hûs mear by it eardere lân. Wannear’t dy alve pleatsen ferfoelen, is net altyd op it jier krekt nei te gean, mar de earsten komme rillegau nei 1670 en it proses fan opheffen gong noch troch tusken 1700 en 1714, doe’t der noch trije by kamen. Neitiid feroaret der oant yn de tweintichste ieu net folle mear.

It lân fan de alve pleatsen dy’t der sûnt 1640 minder kommen wienen, wie troch ferkeap by oare pleatsen foege of waard yn in pear gefallen by ynskriuwing ferhierd. Dat lêste wie it gefal by twa tsjerkepleatsen. It los ferhieren by ynskriuwing brocht trije kear safolle op as itselde lân as it noch ûnder in pleats siet. Hierders fan it gearfoege of by ynskriuwing ferhierde lân waarden op in inkelde komelker nei altyd oanlizzende boeren. Ferlet fan lân wie der dus ek yn dizze minne tiid wol. De oplossing fan de ekonomyske malêze waard socht yn skaalfergrutting.

Dy oplossing, sa docht bliken, wie nedich foar twa partijen. Dat wienen fan de eigeners de tsjerke, dy’t temin rendemint út har pleatsen makke om de oprinnende kosten betelje te kinnen, en de hierders. Fan de alve pleatsen dy’t tusken 1640 en 1714 opdoekt wienen, waarden twa, beide fan de tsjerke, by ynskriuwing ferhierd, en seis fan de njoggen oaren wienen te lyts om der noch langer in bestean út te hawwen. Se wienen lytser as 30 pûnsmiet. De beide grutsten fan dy njoggen wienen mei har 50 en 63 pûnsmiet de beide pastorypleatsen. Sa hie de dûmny noch in fatsoenlik traktemint. Oan it foarbyld fan de tsjerke kin men sjen dat it foar lâneigeners ek net maklik west hat om troch de krisis te kommen. Dat soe noch wolris útsocht wurde meie.

En wat de hierders oangiet, it wie net sa dat dy in soad frijkommend lân kochten. Folle los lân wurdt der yn it floreenkohier fan 1700 al net neamd, mar it measte dêrfan wie al kocht foar 1650. De konklúzje leit foar de hân: dy hierders koenen it net betelje. Der is noch wat dat dêr op wiist. Dat is it lytser wurden fan it tal hierders dat eigener fan it hûs wie. It is foar alle pleatsen net krekt nei te gean, mar regel liket yn it begjin fan de santjinde ieu te wêzen dat de hierder eigener wie. Hy naam it op taksaasje oer fan syn foargonger, of – as de eigener fan it lân ek eigener fan it hûs wie, wat net folle foarkaam – hy betelle by, wat it minder wurden wie en krige werom wat er deroan ferbettere hie. Yn 1714 lykwols wienen der fan de tritich pleatsen mar trije dêr’t de hierder it hûs op taksaasje fan syn foargonger fan oernaam en dus de eigner wie. Ien pleats fan dy 30 waard bebuorke troch de eigener sels en fan de oare 26 hierpleatsen wie it hûs fan de eigener. Dat wie dus hast in totale ommekear. Dêrby wienen twa mooglikheden. Yn 14 gefallen naam de hierder it hûs oer foar in fantefoaren fêststeld bedrach. Inkeld liende er it jild dêrfoar tsjin rinte fan de eigener. Yn de 12 oare gefallen ûnderhold de eigener it hûs en yn twa fan dy gefallen krige dy in foarskot foar it ûnderhâld. De feroaring sil gearhongen hawwe mei grutte ynvestearringen yn it hûs. Dy bestienen út it omsetten fan in langhûs yn in kop(-hals-)romppleats. De measte bedraggen sieten tusken de 1400 en de 1800 gûne. Dat wienen sân huzen. Mear kosten fjouwer, fariearjende fan 2000 oant 2300 gûne, minder trije, dy’t sieten tusken de 800 en de 1100. It ferskil kin taskreaun wurde oan de grutte fan hûs en skuorre.

Neier idee oer de befolkingsomfang as it oantal huzen jout it oantal húshâldingen. It oantal húshâldings is net itselde as it tal huzen, want der waard al yn de sechstjinde dûbel bewenne en dat naam yn de santjinde allinnich mar ta. Yn 1640, doe’t der 73 huzen wienen, libben dêr 89 húshâldingen yn. In goed fyftepart waard doe dus dûbel bewenne. Foaral op de buorkerijen kaam it by elkoar ynwenjen fan twa generaasjes gauris foar, wylst yn de Buorren ferskillende famyljes wennen yn wat ea ien hûs west hie. Dêr gong it dan gauris om huzen fan it langhûstype dy’t yn twaën dield wienen. Yn 1672, doe’t it tal huzen troch it opheffen fan in pear boerebedriuwen en it dêrfoaroer no wol bewenne wurden fan de stins op 72 steld wurde kin, wie it tal húshâldings minstens 94 en it dûbel bewenjen dus tanommen ta hast in treddepart. Dat binne oare sifers as Faber yn 1744 jout fan Doanjewerstâl, de iennichste gritenij dêr’t se dan fan bekend binne. It giet dêr om mar 8% fan it totaal oantal húshâldings. Fan earder hat er gjin gegevens. Dy binne sûnder ûndersyk as dit fan in doarp ek net boppe wetter te heljen. Sa ûntkomt him de tichtens fan it tal húshâldings yn it lêst fan de santjinde ieu, dy’t yn Boazum sa dúdlik blykt.

De sifers fan it oantal húshâldings dy’t oerlevere binne of rekonstruearre wurde kinne, litte sjen dat har tal evenredich tanaam fan 1574 oant 1672 en dêrnei sakke. It wie yn 1574 73, yn 1600 minstens 78, yn 1640 89, yn 1672 94 en yn 1714 84. It weromrinnen kin net folle foar 1672 begongen wêze, want it oantal dopen en houliken ûnder de gereformearden, dy’t fierwei de mearderheid fan de befolking útmakken, bleau yn de jierren tusken 1616 en 1657 frij konstant. Nei 1673, as wer doopsifers te neamen binne, sakke it oantal, mar dêr moat by betocht wurde dat yn it lêst fan de ieu net alle gereformearden har bern mear blike dope te litten.

Hoefolle persoanen oft neffens dy húshâldings yn it doarp wennen, is min te sizzen, omdat der net in goed idee oer de gesinsomfang te krijen is. It iennichste wat fêststiet is dat it yn 1714 312 wienen. Seker is ek, dat it grutte tal húshâldingen yn 1640 en 1672 wiist op in lette daling fan de befolkingsomfang. Op ôfflakking fan de groei wiist it krekt oanhelle feit dat de húshâldingen earne tusken 1657 en 1673 lytser begongen te wurden. Dat earste jier is ek noch wol wat neier te bepalen. It docht nammentlik bliken dat de houliksleeftyd fan manlju sawol as froulju om 1648 frij abrupt in stik heger waard. It skeelt by beide sa’n fiif jier. Dat sil al gau ien of twa bern skeeld hawwe. It hat grif gearhongen mei weromrinnende wolfeart en hege prizen.

It stjersifer, in oare faktor by it bepalen fan de befolkingsomfang, liket frij konstant, al is der oer de jierren foar 1680 net folle oer te sizzen, omdat gegevens dan ûntbrekke. Tusken 1681 en 1700 wie it oantal begroevenen yn it jier lykwols trochinoar acht, dêrnei oan 1722 8,6, in ferheging dy’t foar in belangryk part ta te skriuwen is oan de ekstreem hege stjerte yn 1710-1711. Yn alle gefallen lit de achterútgong yn it tal ynwenners him net taskriuwe oan dizze stjertesifers. Wol kin de pest fan de jierren 1656-1657 en 1664-1666 foar in flinke daling soarge hawwe en dat hat grif ek de ûnbekende besmettelike sykte fan 1673 dien, dy’t foar’t meist malaria west hat. Dy moat oan de hege kosten fan sikefersoarging te sjen in soad minsken it libben koste hawwe. Yn 1672 wie om de oarlochsdriging it nijlân ûnder wetter set. Yn it brakke wetter ûntwikkelen har in jier letter altyd malariamiggen.

Oan migraasje kin de achterútgong ek net taskreaun wurde, as men sjocht nei de oantallen nije boargers dy’t Snits der tusken 1500 en 1700 by krige. Dy wienen it heechst tusken 1580 en 1660 en dan yn it bysûnder tusken 1600 en 1610. Dit jildt dus foar lju fan rûnom wei. Oer it fertrek út Boazum is neat oars as wat ynsidenteels te sizzen.

Alles by elkoar nommen, tink ik dat Boazum om 1685 hinne de measte ynwenners fan de hiele ieu hân hat – en noch fan lang dêrnei. Ynwenners dy’t yn de santiger jierren bern west hienen, hawwe neat oars meimakke as dat it doarp hieltyd mar leger rekke en sille by alle earmoede dy’t der doe west hie, wol faak weromtocht hawwe oan dy fleurige bernetiid. Wat dat oangiet ha se like op har doarpsgenoaten dy’t twa ieuwen letter berne waarden en dy’t it om 1960 der altyd oer hienen hoe libben oft it doarp yn har jeugd west hie. Dat wie in heel ferskil by de earste generaasjes fan foar 1675.

Mear fan Philippus Breuker

Brekizer fan de foaurútgong Yn Boazum hat fan 1863 oant ca. 1917 in lêsselskip bestien, dat de namme droech fan Vriendenkring
It bestean fan in Frysk folk foargoed ynpipere De doarpskultuer wie oan de ein fan de njoggentjinde ieu wakker frysknasjonalistysk wurden. Frysksinnichheid wie net langer …
It lêsselskip te Boazum Frysksinnichheid wie om 1900 hinne algemien, mar lêzen waard Frysk noch net folle.
Reaksjes op Fers2 In debat is nedich as der in probleem is en dat sjoch ik hjir net.
Europa Wy hawwe op ús âlde dei nei Trier west en alhiel deselde bin ik net bleaun.
Nasjonalisme: alheidkeamers en V.V.V. … al sil it noch even duorje ear’t ek de arbeiders gjin heger binend ideaal mear hawwe as it Fryslân boppe!
Oer taak en mooglikheden fan de Fryske Akademy… … yn it ûndersyk fan de Fryske literatuer
De Fryske doarpswrald der’t de Jongfriezen as earsten yn grut waarden … no wienen sels lytse doarpen frysksinnich wurden …
‘Leuk foar letter’: bûtensteanders en Bûtensteanders Eins hienen wy ússels útnoege, want wy wisten fan it bestean fan it oerlis allinnich út de krante.
1 2